It wie op 7 augustus 1907, dat Sybren Jacob ’s van Tuinen, (berne te Bitgum yn 1840 as soan fan Jacob Pieter ’s van Tuinen en Tetje Sybren ’s Heslinga en troud mei Yetske Ket) gernier te BERLTSUM, nei Bûtenpost ôfreizge om dêr in hynder te keapjen. Folle gading wie dêr net en úteinlik slagge hy by de fuorman Cornelis B. ôfkomstich fan Burgum, dy ’t mei in swart ien-eachich bist oan de merke stie, dat de gernier wol goed ta like. Mei de keapman gie hy de herberch yn en waard de eigner fan it hynder foar fl. 185, - gûne, wêrfan hy daliks fl. 100, - betelle, de rest soe de earstkommende freed fereffene wurde. Doe ’t de wyks dêrop van Tuinen it hynder ophelje woe blyk it nei in oar plak brocht te wêzen en dêr oankommen, fersette Cornelis him der tsjin, dat de keaper it meinimme soe. Van Tuinen woe no fansels syn jild werom ha en doe ’t de fuorman ek dêr neat fan witte woe, ûntstie tusken dy twa mannen in skermutseling, wêrby van Tuinen skoppen en slaggen op rûn. Cornelis hie him letter foar de mishanneling te ferantwurdsjen foar it gerjocht, dochs hy bliuw absint. Mei it each op syn ûngeunstiche antesedinten foardere de Offisier fan Justysje syn feroardieling ta trije moanne finzenisstraf. Dat sa ’n healblyn hynder yn BERLTSUM noch de kâns krige om fan nut te wêzen, docht oan bisteleafde tinken. It bist sil fêst net brûkt wêze foar de hynstesport. Ik ha yn elts gefal net heard dat der prizen mei wûn binne. Boppedat ha ik noch nea in van Tuinen op in hynder riden sjoen. Wol ris op in oaljefant by ien fan ús trije jierlikse Berltsumer doarpsfeesten. Ek is der wolris in van Tuinen mei hynders en wein op de Bitgumerdyk op ’e rin rekke yn 1926, en wol op 22 july. Jabik van Tuinen koe net foarkomme, dat op de Achteromdyk (Hôfsleane) in izeren lantearnepeal rekke waard, dy ’t ôfknapte, en in hynder licht ferwûne rekke oan ien fan de fuotten. Hysels wie ek fan de wein ôfslingere en is der bêst foarwei kommen. Bisteleafde sit syn neikommeling Jehannes (Johan) van Tuinen wierskynlik ek yn it bloed, tink ik dan. Doe ’t ik ôfrûne simmer ris mei myn pakesizzers Gerrianne en Deborah, de dochterkes fan myn soan en skoan-dochter Anne en Anneke út Menaam, op de âlde Sint Anne dyk rûn, de Hemmemawei, seagen wy al dy moaie lytse capreolussen rinnen. Ik tocht: Johan moat ek fol bisteleafde sitte krekt as syn oer-oerpake, oars lei hy net sa ’n moai hartekamp oan. Hy fynt it wierskynlik ek moai dat oare minsken hjir fan genietsje kinne. De beide famkes genietsje yn elts gefal eltse kear wer fan de bisten en wolle troch it gaas hinne de lytse harten aaie. In protte minsken (fyts toeristen) stappe efkes fan de fyts ôf, ite op ien fan de banken in hapke en drinke wat. De bankjes wurde ek in soad brûkt troch de memmen mei bern (en bernewein) dy ’t foarby komme. In moai stikje BERLTSUM oan de râne fan it doarp. Johan hat hjir in goede set mei dien. Oer hynders sprutsen. BERLTSUM hat eartiids in ferneamde bistemerk/hynstemerk hân. Dizze waard altyd holden op Sint Markus-dei. Dit is op 25 april. Yn de measte doarpen waard sa ’n merke op in hilligendei holden. Yn it fiere ferline wienen dit feestdagen en de minsken hienen dan in frije dei. Letter waard yn BERLTSUM de kowemerke altyd holden op de twadde tongerdei fan de moanne April en de hynstemerke yn de twadde wike fan Oktober. De kowemerke hat it hjir it langst útholden. De algemiene sizwize wie altyd: “Mei BELKUMER merk moat it koalsied yn bloei stean”.
No fynt de jierlikse BERLTSUMER merke plak yn Juny om de langste dei hinne op de “Koekoek.” Yn it lêste wykein fan Juny. De Wierster merke is in wike letter.
FRISIA. 10-8-1907.
De koopman G. B. te Bergum verkocht op de markt te Buitenpost een paard aan een landbouwer (Jacob van Tuinen) te BERLIKUM voor de som van fl. 185, - om direct fl. 100, - en de rest a. s. Vrijdag te storten. Toen B. volgens afspraak fl. 100, - ontving, wilde hij ook terstond de rest en anders het paard niet afstaan. De gestorte gelden wilde hij ook niet teruggeven, waarop de kooper het paard niet wilde afgeven. Een hevig gevecht begon, zoodat de politie tusschenbeid kwam en het paard voorloopig te Buitenpost geherbergd is. De kooper zal nu de rest storten en daar moet de verkooper zich aan onderwerpen.
L. C. 30-1-1908
Mishandeling van Jacob van Tuinen te BERLIKUM komt den voerman Cornelis B. te Bergum te staan op drie maanden gevangenisstraf.
L. C. 19-10-1900.
RECHTZAKEN.
‘t Is te hopen dat Age W.(estra) te BERLIKUM een minder hartstochtelijk mensch is, dan hij zich den 27den September heeft getoond. Wat hij dien dag heeft gedaan getuigt van minder gevoel dat men recht heeft van redelijke wezens te vragen. Age is vrachtrijder. Dien morgen zou hij met zijn kar, waarvoor drie honden gespannen waren, op reis. Het was ongeveer half tien. Hij ging op weg. In de nabijheid was Zandhuizen (Santhuizen) op den akker aan ‘t werk. Deze hoort opeens gejank – ‘t houdt niet op – ‘t duurt wel een half uur. Hij kon ‘t niet langer horen en gaat er op toe. En naderbij gekomen ziet hij, dat Age bezig is een grote zwarte hond, een van de drie, gruwelijk af te ranselen. Ook twee andere personen, vader en zoon van Tuinen, waren getuige van de mishandeling. Met stok en klomp werd het beest, dat niet trekken wou, zoo geslagen, dat het bloed er na liep. Zoo erg was het, dat de zoon van van Tuinen het niet langer kon aanzien en Age voorstelde, hem den hond maar te verkopen. Deze wilde dit echter niet en getuigen hebben zich, daar ze de mishandeling niet langer wilden aanschouwen, verwijderd. Beklaagde is tenslotte met het beest naar de sloot geloopen en heeft den hond zoo lang met de kop onder water gehouden, tot het dier dood was. Voor de Rechtbank is Age vrij deemoedig. Hij zegt zijn drift geen meester geweest te zijn. ‘t Is de eerste keer in 21 jaren, dat hij zich aan zoiets schuldig heeft gemaakt. De Officier oordeelt echter, dat medelijden hier verkeerd geplaatst zou zijn en vraagt beklaagde veroordeling tot 1 maand gevangenisstraf.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
NATUERKUNDELES.
Master Gerke Veenstra jout natuerkundeles.
“By hjitte set eat út, mar by kâlde krimpt eat.
Wa fan jimme kin dêr in goed foarbyld fan jaan?
Lytse Jan, fan Theunis en Symkje út de Buorren, stekt de finger omheech.
“Dat wit ik wol master!” Gerke:
“Siz it mar, Jan”.
Jan wer: “De simmerfekânsje duorret yn ‘e simmer acht wike, mar de Krystfekânsje duorret yn ‘e kâlde winter mar fjirtjin dagen, master!”
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------