As jo yn 1950 nei “it húske” moasten, dan moasten jo dêr wat “dwaan”, “boadskipje”, in “grutte” of in “lytse” boadskip. It ôffeien nei de grutte boadskip hong fan de oertsjûging ôf. Wie men Herfoarmd of Neutraal dan wie oer it generaal de Ljouwerter Krante goed feimateriaal. Allinne de printinket koe wolris wat swarte spoaren neilitte, mar dat wie it dan ek. Wie men Grifformeard of noch “swierder” dan wie it FRYSK DEIBLÊD de oanwezen krante. Dy krante wie doe noch frij fan sneinsport en minder inketôflittend dan de LJOUWERTER KRANTE. Famylje- en froulju’s blêden wienen minder geskikt fanwege it glêde papier. Dat woe net feie, mar ferpleatse. It glêde papier naam net op. It privaat of de húsketonne waard ienkear yn de wike ophelle en ferfongen troch in lege skjinne (ûntsmette) tonne. Op it Dok lei de tonnepream (“de eau de Colognepream”) en fandêr gie it nei it Berltsumer jiskelân, krekt bûten BERLTSUM, oan de Frjentsjerterfeart. Der wienen ek Berltsumer dy ’t de tonne sels legen en de ynhâld brûkten foar dong op de tún. Foaral bgl. de ierdbeien woenen hjir tige goed op waakse. Ik tink oan Annigje Hager en ik sjoch yn myn tinzen Bauke Zwart (Bauke en Jabbichje) noch foar my, de tonne leegjen yn it túntsje foar syn hûs, yn in greppeltsje tusken de ierdbeiplantsjes. Hja wennen tsjinoer Bûterhoeke húsnûmer 49, it hûs fan myn pake en beppe. Bauke wie ús doarpsdichter ûnder de skûlnamme “Tom”. Wy hienen hjir al in doarpsdichter foar ’t Ljouwert in stedsdichter hie. Wat wienen wy hjir al foarútstrjbjend! In boekje (fersebondel) mei syn fersensamling is yn 1986 printe by de Frysk Deiblêd Offset te Ljouwert en dêr ek útjûn. Dan wie der de jiskeauto mei de manlju dy ’t de jiskefetten ophellen en leegje moasten. Dit wienen gjin unifoarme fetten (amers) lyk as no. It wienen alderhanne âlde ûnthalse molkbussen, fetten, tonnen, amers, bakken etc. In elts sette syn of har smoargens lykas jiske en oar (itens)ôffal yn eigensocht materiael oan de dyk. De jiskemannen tilden it faak swiere frachtsje op de auto om te leegjen. De ôffal gie nei de jiskepream dy ’t krekt as de tonnepream op it Dok lei (te stjonken). Ek dit waard op it Berltsumer jiskelân brocht, wat lei tusken de Kleasterdyk en de Frjentsjerter-feart. No is dêr in leantsje. It is it earste leantsje oan de rjochterkant nei de krúsing Kleasterdyk / Gernierswei. Op dit jiskelân wie altyd wol wat te finen wat fan gaading wie foar nifelders en oare minsken. De ratten wienen net te tellen. Wy as jonges fûnen it prachtich fansels om op dizze bisten te sjitten mei pylk en bôge of (stikem) mei de buks. Ek waard it tonnedoarke fan it húske by de minsken wolris stikem iepene en it bleate gat mei in wiete feger fege. Kweajonges-streken mei in protte wille fansels en it kriten fan it slachtoffer. Yn de wintertiid, as it glêd wie, waard de jiske út de kachels en fornúzen wol brûkt om op it hiem en paad de glêdens tsjin te gean. Dan wienen de fetten faak wat better te tillen foar de jiskemannen dy ’t efter op de auto stienen of dy ’t dêr neist rûnen. Yn BERLTSUM wienen bgl. de “tonneurs” û. o. in Gerrit Joh. van Wigcheren (Gerryt en Maaike yn de Buorren op húsnûmer 67 wenjend yn it “Stapsteegje”), in Bauke Dusselaar, in Willem Lieuwe ’s Looijenga (sjoch it boek BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op de siden 48 en 146), in Sikke Gabe ’s Visser, in Rintje Roersma út de Molestrjitte, (Rintsje en Geartsje Roersma - de Haan) letter yn Menaam wenjend.) Jan (Douwe ’s) Agema as sjauffeur, út ‘e Buorren (letter ek Menaam) en Rienk Rienks wenjend op de saneamde Rolsma-streek (Rynk en Anne) en noch folle oaren dy ’t rûnen by de jiskeauto. Letter krigen wy hjir de sinken jiskefetten, dêrnei de plastic ôffalpûden en no de keunstof kliko ’s yn de donkerblauwe (sortibak) en griene (biobak) kleuren. (“kliko” - ôfkoarting fan de fabrikanten (KLI)nkenberg en (KO)ster). Dan kin ik ek noch Rienk Poelstra fan de Bitgumerdyk neame, dy ’t hjir de strjitten en stoepen ûnderhâlde en Teade (Zylstra), de strjitfeier út it Berltsumer earmhûs fan destiids, dy ’t de strjitgoaten en strjitten skjinmakke fan de hynstefiich en it opromme yn syn hânkarre. It wienen manlju om it petsje foar ôf te nimmen. Hja hâlden mei harren smoarge hannen ús doarp skjin en kreas en koenen net mist wurde. Sels gjin wike.
DE FOLKSSÛNENS.
Yn 1911 wie yn BERLTSUM it tonnestelsel en de doarpsreinigingstsjinst ynfierd of oars sein: better regele. Dat der in better tafersjoch op de dongbulten (rûchskernen) en jiskebulten komme koe. It wie foar de hygiëne ek better. Om de sûnens (en de wetterôffier) yn it doarp te befoarderjen binne yn 1912 rioelearrings oanlein yn de Haaijestreek (yn 1880 noch in Haaijereed neamd) en weroan’t no steane de yn 1932 troch timmerman-oannimmer Schram boude 4 huzen oan de Singel de húsnûmers 3, 5, 7 en 9, it sydstrjitsje op it ein fan de Singel as ferfanging fan de eardere fiif wenten) en de Achterweg (Achteromdyk letter Hôfsleane neamd). Ek waarden ferskate eigners troch de gemeente MENAMERADIEL oanskreaun om dongbulten op te romjen en om jarrekolken te meitsjen foar de opfang fan de jarre etc. Oer de niisneamde Haaijestreek (> Hainjestreek (* noch dit: Sûnt lange tiid hienen de bewenners oan de Haaijestreek in min paad mei hjir en dêr grutte ûnsljochtens. Troch de gemeente waard no yn 1950 fan de âlde stiennen út de Krússtrjitte in strjitte oanlein wat in grutte ferbettering bestjutte. Op advys fan de Sûnens- kommisje (** waard it yn 1914 ek needsaaklik achte, dat de Grúze dimpt wurde moast fanôf de Buorren (de doarpsstrjitte) oant de (Achterweg) Hôfsleane ta. Dêr soe dan rioelearring oanlein wurde foar wetterôffier. De betingst wie wol, dat de oanlizzers meiinoar fl. 2000, - op it kleed lizze moasten. De Grúzepiip yn de Buorren wie yn 1894 noch fernijd troch timmerbedriuw Folkert Jacob ‘s Rolsma foar fl. 629, -. De Grúze waard yn 1917 úteinliks dimpt mei grûn wat fan it Feilingterrein “De Afslag” frijkaam by it útgraven dêr fan in feart, dit fia timmerman F. Rolsma . Yn 1955 is it lêste stik tusken de Buorren en de feart, de haven, fan de Gúsert dimpt.
Yn WIER is pas yngeande 1- 8-1922 in Gemeentlike reinigingstsjinst ynfierd. Der kaam in jiske-karre, ark en der kamen (húske)tonnen yn it doarpke.
(* Fuotnoat:
De Haaijestreek is neamd nei Haaije Tjepkes Hoogendijk dy’t hjir yn 1895 ferstoarn is. Syn heit Tjepke Haaije’s Hoogendijk wie hjir yn BERLTSUM mr. grofsmid. Syn suster Trijntje Haaijes Hoogendijk, wie troud mei Yge Jitse’s Mulder. Ôfstammelingen binne û. o. Tjepke Smits, Jitse Smits Yge Smits, Yge Tichelaar etc. ... De Mulders en oaren, earder lid fan de doe saneamde ôfskieden tsjerke (fan Bitgum), waarden hjir troch de Berltsumers ek wol “Amechtige Joaden” neamd om’t hja hieltiten mar wer yn harren sels sieten om te pielen (om te klauwen) oer it leauwen. (Stam- heit Jitse Yges Mulder komt fan Seisbierum en behearde ta de doe saneamde ôfskieden tsjerke en siet dêr yn Bitgum rom 20 jier as âlderling yn de tsjerkeried.)
(** Fuotnoat:
De Amsterdamske (joadske) earmendokter, bankier en ûndernimmer Samuël Sarphati (1813-1866) wie al folle earder de betinker fan in opheltsjinst foar hússmoargens en fan húskes (beer, fekaliën) wêrnei der folle minder minsken dea gienen oan goalera en min (fersmoarge) drinkwetter. De dong waard brûkt foar de ferbou fan weit om bôle fan te bakken.
..............................................................
SANITÊR.
Privacy by it toiletgebrûk is eat wat wy pas kenne sûnt it útfinen fan de moderne, op rioalen oanslúten w. c. Dêrfoar waard der op it plattelân gebrûk makke fan mearpersoans latrines. De dong dy ’t fia de latrine yn in bearput teloane kaam, waard troch de boeren oer it lân struid. Dizze dong waard sjoen as in fruchtbere seine foar it lân. Yn stêden en doarpen waard gebrûk makke fan de sleatten, flieten etc. en it hat lang duorre foar ‘t de minsken harren bewust waarden fan de risiko’s dy ‘t hjiroan ferbûn wienen. Sa wienen der yn BERLTSUM, yn myn jonge jierren, letter dochs noch op somlike plakken skythúskes dy ’t boppe de Kleifeart stienen.