BERLTSUM.

(1823.)

Yn 1823 ûndernamen JACOB van LENNEP, romanskreauwer, en DIRK van HOGENDORP, de soan fan de bekende steatsman Gysbert Karel Hogendorp, in reis troch ús lân.

Hja gienen te foet, mei it lûkskip of mei de dilisjânse. Jacob van Lennep hat hjirfan in deiboek byhâlden. Fia Boalsert, Harns en Frjentsjer binne hja ek te foet troch BERLTSUM kommen rjochting Sint Anne en dan fia Stiens op nei Dokkum en Ljouwert ta. De fuotstappen fan dizze beide manlju sille fêst wol gien wêze oer de âlde tsjerkepiip by it tichelwurk oer de Ljouwerter feart en oer it tsjerkhôf, sa rjochting Buorren, in stikje Griene- (Hege- of Bitgumer) dyk en dan fia it Molkepaed (de Biltdyk) nei Sint Anne. Jacob van Lennep skriuwt yn syn deiboek: “In BERLIKUM aangekomen en na wat gerust en gegeten te hebben bezochten wij den kunstenaar Rijns (is Sieds Johannes Rienks, de learling fan de Hijumer “boereprofessor”- ynstruminten (wurktúch) makker en wiskundige Arjen Roelofs (1754-1828), beide yn harren tiid ferneamde manlju en dat troch selsstúdzje!), dien wij, terwijl het nog vroeg in den morgen was, tegen zijne gewoonte nuchteren vonden. Hij was met zijn (omkesizzer) en metgezel (Roelof Hessels Hommema 1791-1854, ek in learling fan Arjen Roelofs) aan ’t werk en antwoordde mij toen ik zeide den telescoop gezien te hebben, dien hij voor de Hoogeschool te Leijden (tussen 1819 - 1821) vervaardigd had, dat hij mij dus die welke hij thans voor Utrecht onderhanden had, niet behoefde te laten zien, daar zij de andere volkomen geleek. Op ons aandringen echter bracht hij ons boven en liet ons door dezelve kijken; vol verwondering keerden we terug.” Letter: “Van BERLIKUM trokken wij noordwaarts het Bildterland in, dat eene oude kolonie van Noordhollanders is. De inwoners hebben hun oude tongval behouden, spreken het boerenfriesch niet en zijn minder stug als de overige Friezen.

(Dat Jacob van Lennep net alhiel op de hichte wie docht hjir bliken. It wienen net de Noard Hollânners mar de Súd Hollânners dy ’t it Bilt hjir destiids ynpoldere hawwe. Hy sil doe bedoeld hawwe de ynwenners fan it noardlike part fan Hollân, want Hollân wie doe noch ien gehiel en is yn 1840 pas yn twa provinsjes ferdield t. w. yn Noard– en Súd Hollân. Syds Joh. Rienks wie yn 1820 troud mei Grietje Dirks Hellinga en wie Broeder in de Orde van Nederlansche Leeuw.)

Te Sint Anna Parochie, rusten wij en zagen eene begrafenis de herberg voorbij op het kerkhof gaan. Wij aten pannekoeken en bezichtigden de kerk, waar wij het graf van zekeren Willem van Haren (*, vader of grootvader van de beruchte gebroeders vonden. De meeste boerderijen zijn in het Bildterland 6 à 8 duizend guldens waard: echter zijn er van veel hooger prijs, welke in 1818 en 1819 tot fl. 100.000, - golden. Tusschen Sint Japik en Stijns in het heerlijkste gedeelte van Friesland heeft de weelde der boeren even als in Noordholland hen bedorven en is oorzaak geweest dat meest alles daar onder hypotheek staat. Bij en op Franeker gelden de koeien thans slechts fl. 30, - Hja moasten it dwaan mei strou (pankoeken). It wienen doe (noch net) de jirpel mar jitte de grutte nôtfjilden en de greiden dy ’t it lânskip bepaalden. (It Bilt waard destiids ek wol “de graanschuur” fan Fryslân neamd) Alhoewol, men wie yn BERLTSUM en omkriten om 1750 hinne al begûn mei it ferbouwen fan jirpels.

Doedestiids wurken de minsken foar it deistich brea. Der moast “brea” op de planke komme. No wurdt yn Frankryk ek op in soad plakken noch wol in houten (itens)plankje, as (itens)boerd brûkt yn stee fan de platte itenspanne as ûndergrûn. (**

Wat de beide manlju ek opfallen wie is, dat om BERLTSUM hinne in protte hoven wienen en de noch frij nije Koepeltsjerke fansels. It gie hjir yn ús lân jit oer de noch net ferhurde paden en heechhouten. De âlde tsjerke- en skoalpaden. Yn de tsjerkhôfshaach sit no noch in iepening, wêr ’t in paad trochhinne gie rjochting de Hôfsleane tusken de huzen Hôfsleane nû. 58 en 60 troch. Dizze iepening mei net ôfslúten wurde. It paad rûn nei it heechhout oer de Achte opfeart ta en dan loftsom by de Achte opfeart lâns nei it Menamerpaad ta en dan rjochting de Sânwei op nei Menaam (en Bitgum). Letter, yn 1902 pas, wie (de no ek al wer âlde) dyk nei Menaam oanlein. Noch wer letter is de Gernierswei fanôf WIER, healwei geande oer de saneamde Ljouwerter- of Menamerfeart oer de brêge net fier fan de eardere “Paulustille” by wettermûne “de Rintmaster” lâns, yn 1970 oanlein rjochting Menaam.

De jirpel is om 1736 / 37 hinne troch Jhr. Vegelin van Claerbergen fan de Jouwer nei Fryslân brocht. De jirpel fynt al gau yngong by de Fryske befolking. Yn 1771 waarden de earste jirpels al útfierd net Amsterdam mei as skipper Johan Pieters fan Frjentsjer. De bou fan ierappels wie begûn en neist it deistich brea waard no ek de jirpel dagelikse kost. De Biltske grûn is tige geskikt foar de jirpelteelt. Sûnt 1981 brocht in kwekerij de Bil(d)star op de merke.

Fuotnoaten:

(*

De van Harens wienen Grytmannen. Mar omdat it gjin echte Friezen wienen lykas de van Burmania’s en de van Harinxma’s (hja kamen oarspronklik út Aken, mar de sibbe miende oantoane te kinnen dat de werklike roots yn it Limburgse Voerendaal leinen) waarden hja ôfskepe mei in Grytmanskip op it Bilt of yn Weststellingwerf. Hja waarden beskôge as allochtoanen. Doe ’t de Fryske steedhâlder Willem IV yn 1747 steedhâlder fan hiel Nederlân waard, ferhúzen de bruorren Willem en Onno, krekt as in protte oare Fryske ealju, mei him en syn frou Anna van Hannover mei nei Den Haach. Hja foarmen letterlik de hôfkliek om Willem IV. hinne. Yn Sint Anne hawwe wy no noch de van “Harenstsjerke” en yn Wolvegea lieten hja yn 1779 in lânhús yn Loadewyk XVI. styl bouwe oan no de Van Harensstrjitte mei de bekende fersierde stien boppe de haadyngong, mei triglieven, timpaan en fronton, krekt as de BERLTSUMER tsjerke, wat no bekend is mei de namme “Huize Lindenoord”. In protte fan sokke húzen en gebouwen yn Fryslân binne oan it ein fan ‘e 18de ieu boud. Tink oan de eardere boargemasterswente oan de Nieuwe Weide yn Drylst, it pân oan ‘e Berltsumermerke yn Ljouwert húsnûmer 17 en de tsjerken fan Harns, Holwert, Boalsert, Snits en as it niisneamde BERLTSUM. De eardere Berltsumer húsdokter J. J. Kwast jr. is letter direkteur wurden fan Huize Nieuw Lindenoord te Wolvegea. (In timpaan of fronton is in trijehoekige bekroaning fan in gevel finster of yngong, ôflieden fan in geveltop fan in klassike timpel, kin ek segmintfoarmich wêze dan wol brutsen – mei trochbrutsen middendiel. It omslútend fjild is in timpaan. Faak is it fjild fold mei byldwurk. )

(**

Friezen, en dus ek de Berltsumers hienen yn eardere tiden net folle te besteegjen en libben by de dei. De yngrediïnten kamen fan it lân en dat betsjutte foaral in protte brijen, potten mei koarn en knollen. Ienfâld en streksumens bliuwen lang it kredo om it warbere wurk oan te kinnen. Doe ‘t de ierappel yn de 19de ieu syn yntree yn ús lân die, ferfong dizze op in protte plakken de boek-weit as basis fan it deistich miel. De boekweit die it altyd goed, foaral op minder fruchtbere fean- en sângrûnen, (tink mar oan de doe saneamde “earme Fryske heide”), mar de boekweit wie ek ekstreem gefoelich foar it waar. As de risping fan it “jammerkoarn” mislearre, folge grutte honger. De ierappel brocht (doe noch foar de jierpelsykte ) mear fiedselsekerheid. Losse jirpels waarden mei fet of sjú iten (yn it Frysk ‘stip’ neamd), mei somtiden spek dêrby op in houten plankje. Fariaasje yn smaak wie der inkeld troch moster ta te foegjen. Grienten lykas winter-woartels, koalen, sipels en pastinaken en fruit as appels en parren koenen oer it generaal mar koartentiid bewarre wurde. Nei in ekstreem lange winter wienen griente en fruit amper foarhannen. De earme minsken krigen dan net wat hja deis nedich hienen en wa hie ea heart fan fitaminen? Yn it midden en it ein fan de 20ste ieu stoaren in protte minsken (foaral yn it foarjier) noch fan de honger. Lytse bern fakentiden waarden mei in stik koalraap nei skoalle stjoerd.

Waarm iten bestie ieuwenlang foaral út “tsjettelkost”, ienfâldich fiedsel dat yn ien pot klear makke waard, lykas brij of hutspot mei bôle. De hege nôtprizen yn de 18de ieu twongen de earmen om jirpels te iten en stadichoan mar seker ferdrong de jirpel bôle brea en brij fan it foarste plak. Kofje en tee waarden populêr. Yn de 17de ieu wienen se al bekend, mar waarden se foaral dronken troch de rike lju. Minsken gienen ek “fantsoenlik” iten. Lange tiid hie men oan in knyft genôch en in leppel foar it iten. It fiedsel siet ek yn ien panne of pôt. Yn dizze perioade kaam der feroaring yn. De minsken krigen bettere tafelmanieren, hja gienen út eigen bekers en glêzen drinken en iten mei tafelreau. Ek bestegen hja omtinken oan it tafel klearmeitsjen. De foarke rekke yn de 18de ieu algemien yn gebrûk. De smaak fan de minsken feroare ek. De foarkar foar soer en krûdich bûge om yn de rjochting fan swiet. Dit ferklearret de opmars fan de sûkerfabriken yn hiel Nederlân. (Sûker wie oant de 20ste ieu trouwens noch altyd in lúkse artikel, sa blykt út it boek “Van de Mond der Oude Middelzee” fan K. J. v.d. Akker) Yn dizze perioade iet de Nederlanner twaris deis bôle of brea en ien kear waarm, meastal jûns. Neist bôle wie brij populêr en de pankoeke natuerlik. (hjir yn BERLTSUM stro neamd en op it Bilt stru.) It waarme miel fariearre fan in stevige stampot (pôtiten) oant in yn aparte pannen searn miel fan jirpels, farske griente en farsk bret fleis mei sjú, al dan net foarôfgeand troch sop en ôfslúten mei in neigesetsje. Oan de oare kant wie der ek sprake fan smaakferflakking, ûnder ynfloed fan de mannichte húshâldskoallen wêr ‘t ek famkes út de hegere boargerij op sieten, ferdwûnen de krûden, sipel en knyflok út de foarriekasten om pas oan it ein fan de 20ste ieu werom te kommen.

Op jierdeifeesten (hjir yn BERLTSUM jierdeipretsjes neamd) waard troch de myn op 14 maaie 1891 berne beppe Alida allinne mar, lykas hja fan jongs ôf altyd went wie, in protte op swiet traktearre. Dat wie “feestlik”. Hja fûn it mar neat dat har beppesizzers letter ek nei hertige hapkes begûnen te freegjen. Groattenbrij, hjouwermoutenbrij, rizenbrij en rezinebrij woenen de bern letter ek net mear ite. Dêrfoar kamen allehanne jochurtsoarten, fla, puddinkjes etc. yn ’t plak. Ek potstro, rys mei rezinen en kaniel, etc. woe der by de jongerein letter ek net mear yn.

L. C. 5-11-1955.

Dezer dagen werd door de tuinder A.(nne) van Dokkumburg te BERLIKUM een winterwortel gerooid, die een gewicht had van 1020 gram. Er werden vroeger wel meer van zulke wortelen gerooid. In de laatste jaren komt dit haast niet meer voor.

L. C. 19-9-1959.

GEHOORD en GEZIEN.

Leeuwarder peer van 500 zoveel grams is overtroefd - bewijs ligt naast onze schrijfmachine – door peer uit BERLIKUM van de heer D.(irk) van Leens Dijkstra, die precies 630 gram weegt.


De “BOEREPROFESSOREN”.

Sieds Johannes Rienks (Rijnks) wied berne te Marrum / Wester Nijtsjerk op 6 okt. 1770. Syn âlders t. w. Johannes Rienks en Aukje Siedse ’s Boersma wennen deun by ien fan myn foarpakes Cornelis Cornelissen Posthumus, boer op de pleats “Westerhús”, en besieten dêr in pleats. Letter wennen hja yn Hallum op “Banga”-zathe by Jousumbuorren. Sieds kaam al gau yn kontakt mei de bruorren Roelofs út Hijum, dy ’t him û. o. it lins meitsjen learden. Foaral Arjen Roelofs (1754 - 1828), syn omke, waard sa syn grutte freon. Sieds hat ferskate natuerkundige masines, tilleskopen en tongerlieders boud. De bruorren Roelofs wienen syn grutte learmasters west. Rienks hat ek mikroskopen en brânspuiten boud. Hy ferhúze yn 1818 nei BERLTSUM en betrok hjir it hûs fan de wurktúchkundige Roelof Hessel ’s Hommema, dy ’t nei in oar hûs fehúze wie yn de Krússtrjitte (A 589). Hommema (berne yn 1791 te Feinsum en ferstoarn te Sint Anne yn 1854) wie ek in tilleskopenbouwer en in neef fan Arjen Roelofs. Hy wie troud mei Trijntje Willem ’s Wassenaar. Heareboer Worp fan Peijma út Ternaard, de sels ek tige ûnderleine natuer en wiskundig ûnderleine boer, hat in protte oer dizze manlju skreaun. In tongerlieder makke troch Arjen Roelofs fan Feinsum en Rienks fan BERLTSUM waard yn 1825 op de pleats fan Ruurd Hendrik ’s Sybrandy te Wurdum befêstige. De priis wie fl. 30, -

Roelof Hessel ’s Hommema, berne te Feinsum op 24 febr. 1791 en dêr doopt op 27 mrt. 1791, timmerman, meganikus, boer, grôtmakker, tilleskoopbouwer (de tilleskoop te sjen yn it Frysk Museum te Ljouwert) wenjende hjir yn ‘e Krússtrjitte te BERLTSUM yn it doe oan de dyk steande en no ôfbrutsene hûs foar no hûs húsnûmer 23, is stoarn te Sint Anne op 15- 1-1854 wêr’t hy yn 1835 in tongerliedersbedriuw begûn wie mei behelp fan Bente Wassenaar dy’t sels in “dandy horse” (in rinfyts) boud hie en as earste in koalsiedsaaimasine yn Fryslân besiet. Roelof Hessels Hommema wie troud mei Trijntje Willem ’s Wassenaar, ek berne en doopt te Feinsum. Syn oerpake wie Lolcke Ulbes, berne om 1624 hinne. Dy hierde de lettere Hommema State yn Dronryp. Syn soan Lolke Lolkes kocht de State en naam de namme Hommema oan. In dochter fan Lolke Lolke ’s Hommema, t. w. Bauck Lolke ’s Hommema wie troud mei Claas Jille ’s Hulshuis, kompanjyskriuwer, siktaris fan de Gritenij West-Dongeradiel, en in soan fan Michaël Hulshuys, doarwaarder te Ljouwert. Michaël Hulshuis, de kompanjy-ynfantery skriuwer te BERLTSUM is in pakesizzer fan him en nei him ferneamd. Lolke Hulshuis, in broer fan Michaël wie destiids belútsen by it Doelistenopskuor yn Ljouwert.

De âld-muoikesizzer fan Bauck Lolke ’s Hommema, Hessel Lolke ’s Hommema en dus in efterneef fan Michaël Hulshuis. Hessel Lolke ’s Hommema wie yn twadde boask troud mei Lysbeth Roelof Roelofs, de zuster fan Arjen Roelof Roelofs (1754 - 1828) wiskundige, meganikus, astronoom. Hy naam yn 1811 de efternamme Roelofs oan.

Hessel Lolkes Hommema fan Feinsum hat ek ris in moanne yn de finzenis sitten op wetter en brea. Hy hie ris yn in joalige bui tsjin syn doarpsgenoat Dirk van der Meer sein: “Do bist de heit”, tsjin syn soan Rein: “do bist de soan” en tsjin van der Meer ’s frou, Sijke Offringa: “en do bist de hillige geast”. Dit waard him troch harren net yn tank ôfnommen en der waard oanjefte dien fanwegen godslasterjen.

Dat yn en om Frjentsjer hinne sa ‘n protte “boereprofessoren”, minsken mei ynteresse yn de wiskunde, stjerrekunde en lânmjitkunde wennen, sil wierskynlik ek te krijen hân hawwe mei de dêrfan útgeande ynfloed fan de Frjentsjerter universiteit. Tink mar oan de yn Dronryp yn it hûs Tsjerkebuorren 13 (no monumint) berne wolkjimmer Eise Eisinga (1744-1828). Yn Frjentsjer bestie de mooglikheid om yn it Hollânsk wiskunde te studearjen. Op de universiteit wie gewoanwei de fiertaal it Latyn. Hja dy ‘t dy taal net yn ‘e macht hienen koenen sa in oplieding ta bgl. yngenieur of lânmjitter folgje. Nearne wienen de opliedings sa goed. Troch de intellektuele elite waarden dizze leken altyd net hielendal foar fol oansjoen. In bytsje degenerearjend waarden se “idiotae” neamd. Latynsk foar ûnbelêzenen. Mar yn de rin fan de 17e ieu krige dit nederlânsktalige ûnderwiis in hieltyd wichtiger plak op dizze hege skoalle. De ús wol bekende Willem Loré (1679 - 1744) is, flak foar syn dea, yn 1743 noch bysûnder heechlearaar yn Frjentsjer wurden.

Yn july 1821 hienen acht Grinzer hereboeren, wêrûnder in Geert Reinders en in M. D. Teernstra (de útfiner fan ’e koalsiedsaaimasine) mei wa ’t hja harren natuerwittenskiplike belangstelling dielden, in besite brocht oan de wurkpleats fan Sieds Rienks (1770-1845) yn BERLTSUM. Harren gids wie Sieds syn broer Jan, dy’t yn 1806 troud wie mei in frommiske út it Grinzerlân. Op wei nei BERLTSUM oernachtten se by mem Rienks yn Hallum. Yn BERLTSUM waarde hja traktearre op ierdbeien mei slachrjemme. Sieds Johannes Rienks amusearre de gasten mei it resitearjen fan ferzen yn it boerefrysk fan Gysbert Japix en fan Halbersma. De deis dêrnei op 7 july besocht de groep Eise Eisinga (1744-1828) yn syn planetarium te Frjentsjer. Teernstra skriuw in fers yn it besikersregister

Sieds Rienks hie fan Arjen Roelofs (1745-1828) út Hijum it tilleskooplinzen slypjen leard en tegearre bouden se ek tongerlieders foar de pleatslike boeren (alteast foar de frijsinnigen ûnder harren) want foar de strang leauwende boeren wie in tongerlieder lyk as it ynintsjen fan fee taboe. Arjen Roelofs ferkocht se foar 14 gûne.

It prinsipe fan de tongerlieder wie al yn 1752 betocht troch de Amerikaanske útfiner Benjamin Franklin. Tritich jier letter waarden tongerlieders hjir en der yn Nederlân pleatse neffens in ûntwerp fan de natuerkundige en generaal Cornelis Krayenhoff (1758-1840)

Kening Willem I. stimulearre keunst en wittenskip; rjochtte yn Gent in universiteit op dy’t fierders noch altiten in tilleskoop besit dy’t kening Willem I. skonken hat. Dizze stjerrekyker is boud troch Johannes Rienks en Arjen Roelofs.

L. C. 17-11-1995

KLASSIEKE BRANDSPUIT TERUG BEZORGD IN BERLIKUM.

BERLIKUM - Oudheidkamer DE GRÚSERT in BERLIKUM heeft er weer een pronkstuk bij. Gister kon het bestuur een brandspuit uitladen, die in 1850 in BERLIKUM is gebouwd. (Destiids yn opdracht fan de tsjerkfâdij boud troch Sieds Joh. Rienks te BERLTSUM. Gerben Joh. Peterzon hat doe it brânspuithúske tsjin de Koepeltsjerke oanboud.) Het materiaal, uitgerust met een zuigerpomp, stond jarenlang in de hal van het gemeentehuis in Menaldum. De brandweer van Menaldumadeel vond dat de spuit een passender omgeving verdient nu de hal verbouwt wordt. Voorzitter M.(inne) (Ruurds) Braaksma van de Oudheidkamer is verguld met de gift. Het apparaat, geverfd in origineel Spaans rood en oud-Hollands groen, verkeert volgens hem in goede staat. “Der soenen sa mar seis man oan ‘e hefbeam kinne”.

(Op de foto stiet Minne Braaksma lofts-ûnder. Neist him op ‘e foargrûn stie Klaas Rienks, rjochts syn neef de notarisklerk Hessel Rienks. Rjocht foaroan bestjoerslid Evert Algra (mei bril) en amtner Romke Fokkema.)

L. C. 30-8-1825.

HAARLEM, den 24 Augustus.

Naar men verneemt, is, onder andere voor rekening des Konings, op de Tentoonstelling der Schilderijen aangekocht: Belisartus, (no. 234) van C. Kruzeman, van Amsterdam en .... etc. .... etc,

en van de Tentoonstelling der voortbrengselen van Nijverheid zijn voor rekening van Z. M. (de Kening) aangekocht: het koelvat (no. 280) van Becht, ‘s Gravenhage, DE TELESCOOP van 1 el 3 palmen (no. 2134) van RIENKS, BERLIKUM en etc. ...... .......

L. C. 2-7-1830.

W.(orp) van Peijma: Levensberigten van Arjen Roelof Roelofs. Prijs fl. 1,80: Verhandeling over de beste wijze van aanleggen van zeedijken. Prijs fl. 1,80

(De seediken koene neffens A. Roelofs better in bredere foet hawwe en wat minder styl ôfrinne. )

L. C. 13-11-1832.

MENGELWERK.

(Perpetuum mobile of wel de Eeuwigdurende beweging.)

De telescopen fan Roelofs, Rienks en Hommema te BERLTSUM boud.

L. C. 4- 4-1875.

HISTORISCHE MENGELINGEN.

Arjen Roelofs, Sieds Johannes Rienks bouwden te BERLIKUM tussen 1819 en 1822 twee grote telescopen.

L. C. 1-9-1792.

MARTEN JACOBS, skoalmaster, oargelist en doarpsrjochter (hy wie troud mei Dirkje Martens) te Driesum advertearre dêr yn:

Ouders of Voogden die een zoon ofte pupil willen bestellen op school en in de kost, om Lesen, Schrijven, Speelen en Zingen, Rekening in Arithmetica, Geometry of Landmeetkunst, Astronomie of Sterrekunde, mitsgaders het uitrekenen des Zons– en Maans Verduistering te laaten leeren, kan bediend worden by de schoolmeester M. Jacobs te Driesum”.

Men kin wol begripe dat it meast bern út begoedige âlden wienen, (lykas boeresoannen e. d.) dy ’t dit ûnderwiis folgje koenen.

Dizze Oranjegesinde skoalmaster spile in rol yn it beruchte “Kollumer Opskuor” en waard yn 1797 feroardiele om gisele te wurden en ta 5 jier yn ‘e hechten setten, fanwegen it ferset tsjin ‘s lâns oerheden. Hy wie doe 40 jier.


L. C. 13-11-1832.

MENGELWERK.

........ ...... Reeds voor eenigen tyd meen ik U deelgenoot te hebben gemaakt van het genoegen, waarmede ik gepasseerde voorjaar een, toen uitgekomen, werkje las, dat getiteld: Van de belangrijkheid eens zestig jarigen ouderdoms, in den jare 1831, of Schets der hoogst merkwaardige Gebeurtenissen, welke dien leeftijd bijzonder kenmerken. Ik meen U opmerkzaam te hebben gemaakt op den lof, met welke deze Hollandsche Schrijver van de Friesche werktuigkundigen in ‘t byzonder gewag maakt; hoe hij de Telescopen door (Arjen) Roelofs, (Sieds Joh.) Rienks en (Roelof Hessels) Hommema te BERLIKUM vervaardigd, wegens derzelven deugdelijkheid verwonderingswaardig noemt, daar zij, hoewel driemaal korter dan die van Herschel, nogtans even voldoende zijn als deze. Thans reeds eene tweede, aanzienlijke vermeerderde, druk van dit fraaij werkje, met den naam der Schrijver (W. van den Hull te Haarlem) in het licht verschenen zijnde, komt hierin het boven bedoelde bezigt voor, het welk hier letterlijk, en wel in dezelfs verband, wil laten volgen, te meer dewijl het onze beroemden landgenoot Eise Eisinga en diens (yn 1781 foltôge) Planetarium betreft. Vele onzer lezers zullen dergelijke werktuigen (Planetaria) bezitten of derzelve ten minste meermalen gezien hebben, maar of allen in de gelegenheid geweest zijn, omhet beroemde Hemels gestel van den Franeker Wolkammer, Eise Eisinga, te bewonderen, zulks is meer wenschelijk dan waarschijnlijk. etc. ..... .....

L. C. 13-02-1838 MENGELWERK. (eat oer BERLTSUM en ÚTGONG.)

L. C. 21-05-1838 MENGELWERK. (ferfolch.)

L. C. 22-10-1839 MENGELWERK. (mingde oantekenings oangeande de doarpen fan Men. Diel.)

L. C. 14-03-1843 MENGELWERK. (û. o. slúting Ryks Atheneum Frjentsjer, BERLTSUMER kantonrjochter Coert Lambert van Beijma troch Z. M. de Kening adele.)

L. C. 3-11-1843.

De notaris T. Alma te Menaldum, zal op Zaterdag den 4 November 1843, ten 5 ure na de middag, in Herberg van S. A. Tolsma te BERLIKUM, provisioneel en op alsdan te bepalen tijd, in de Herberg by D. K. de Jong aldaar finaal presenteeren te verkopen:

1.Eene hecht en sterke huizing no. 154, met erf, staande en gelegen op de KAMP te BERLIKUM door de Eigenaar D. J. Osinga en Vrouw bewoond, by het Kadaster aangeduid gemeente BERLIKUM sectie A no. 552 ter grootte van 12 roeden 44 el.

(De eigner fan dit hûs wie yn 1832 Sjoerd Aukes Tolsma. Hy wie by it fieren fan ’e Tsien-Daagse Fjildtocht tsjin België fuselier by de 8ste ynfanterie, lid fan’e feriening “It Metalen Krús”, ôfdieling Ljouwert. It Metalen Kruis waard ynsteld troch Kening Willem I oan alle dyjingen dy’t diel nommen hienen yn 1830 en 1831 oan de oarlochshannelingen, “bepaaldelijk gedurende den roemrijke tiendaagse veldtocht”en als “blijvend bewijs van aandenken”)

2. Eene huizing no 151, met erf en tuin, staande en gelegen nabij BERLIKUM, door ...... ...... als huurder bewoond, bekend by het Kadaster gemeente BERLIKUM no. A 838 en 839, ter grootte van 1 roede 69 el. Beide percelen den 12 Mei 1841 te aanvaarden.

(De eigner fan dit hûs wie yn 1832 Tetman Willems Dijkstra)

L. C. 2-5-1951.

HOE TWEE FRIESE BOEREN TWEE TELESCOPEN BOUWDEN.

Een boek over de spiegelkijkers van Roelofs en Rienks.

(Foto: Dorp BERLIKUM, waar, tussen 1819 en 1825 (yn opdracht fan kening Willem I.) de twee 55 cm telescopen voor de Nederlandse observatoria gebouwd werden. Naar de gravure van eind 18 de eeuw. Arjen Roelofs wie yn steat om hieltyd gruttere linzen te slypjen wat him in grutte bekenheid joech yn dy tiid.)

De âlde herberch mei trep opgong oan de bûtenkant oan it Hemmemaplein yn BERLTSUM op it plak wer ’t no “Hof van Holland” stiet. Op de boppeseal hie it Kantongerjocht sit.

L. C. 9-3-1957.

GERNIER yn MINNERTSGEA set tradysje fan de Rienksen en de Roelofsen fuort.

As Jacob van Lennep yn 1823 yn BERLTSUM komt etc. ....... ...... Bauke Miedema wie ek ynstjoerde stikken skriuwer, krekt as ik somtiden ek wolris die. Ik ha noch brieven fan Bauke, as reaksje dêr op, yn myn besit. Bauke wenne letter yn Burgum, wêr ’t no noch de stjerrewacht dêr oan him werom tinken docht.

OM BERLTSUM HINNE binne altyd in protte ierappels ferboud.

Út de lektuer fan út de tiid tusken 1830 en 40 lykas bgl. om 1836 hinne wurde wy gewaar út kranten, almanakken, brieven, memoarjes en rapporten, dat de ierappelteelt sawol as it gebrûk dêrfan oan sterke wikselingen dwaande wie. Sa fertelt in Hollânske reizchster, dy dit gewest yn of koart foar 1840 besocht, om de stân fan de lân- en túnbou waar te nimmen, oer BERLTSUM “dat zoo lief in het geboomte gelegen” meer bekend wie om syn treflike ierdbeien, dy ’t dêr yn grut ferskaat en oantal kweekt waarden, dochs minder om syn ierappels, wêrfan de teelt ÔFNAAM. In út Dútslân tagelyk mei har te BERLTSUM oankommen prinslik besiker, t. w. de kroanprins fan Beieren, dy ’t doe op trochreis wie nei it badplak Zandvoort of Scheveningen, en yn dit Fryske doarp oankommen wie, om de Fryske taal as sprektaal harkje te kinnen en om it Fryske boerehûs te bestudearjen, liet him ynljochtsje oer de oarsaken fan de ÔFNOMMEN jirpelteelt om BERLTSUM hinne en yn de Bouhoeke. Yn de Jouwer dêrtsjinoer waard neffens earstneamde besikster op sân- en leechfean wer folle mear ierappels ferboud troch de efter-útgong fan de blomme- en beamkwekerijen as gefolch fan misgewaaks, sykte en stjerte yn de kwee-appels, ynsektenpleach en wetter beswieren etc. ..... .....Yn 1845 wie der in freeslike ierappelsykte, net allinne yn ús lân mar ek yn Ingelân, Dútslân en Frankryk.

L. C. 3-5-1941.

VERDWENEN AARDAPPELSOORTEN van een eeuw geleden.


L. C. 4-10-1946.

“AARDAPPELSCHOLEN”

Friesland krijgt deze winter 5 “aardappelscholen” en geeft daarmee blijk zijn tijd te verstaan. De aardappel, en meer speciaal de pootaardappel, is het belangrijkste product van de klei niet alleen, maar heeft al meer deviezen in het ruilpotje gebracht dan het heele Philips complex. Het streven tot verhooging van de kwaliteit heeft thans geleid tot de oprichting van bovengenoemde 5 scholen, terwijl het in de bedoeling ligt, tot nog verdere uitbreiding over te gaan. Scholen worden geopend in Balk, Drachten, Franeker en Holwerd, die in BERLIKUM draaide reeds eenige jaren en blijft onder leiding van den tuinbouw consulent. De overige 4 zullen resorteren onder de landbouw consulenten resp. te Sneek, Drachten en Leeuwarden. De scholen zijn toegankelijk voor de bezitters van een diploma landbouw-cursus, lagere tuinbouwschool of landbouw winterschool. In het winter halfjaar wordt les gegeven in de theoretische vakken, noodig voor de aardappelteelt en selectie, ‘s zomers practische lessen in selectie. Het met succes volgen van de cursus wordt beloond met een diploma aardappelselecteur.