MENNO SIMONSZ, berne te Wytmarsum, pastoar yn 1531, lei it miskleed ôf yn 1536 en slúte him oan by de Doperske beweging. Oer it ûntstean fan de (Flaamsk/Wetterlânske *) Minniste mienskip hjir yn BERLTSUM is net folle bekend. As wy de skiednisskriuwer Steven Blaupot ten Cate (1807 – 1884) leauwe meie is de mienskip hjir al foar 1550 stifte. De âldste stikken geane oant 1757 werom en besteane út inkelde rekkenboeken.
BERLTSUM hat dêrmei ien fan de âldste Minniste mienskippen. Sa wie de Grytman Hette Doecke ‘s Hemmema hjir al foar 1550 Minnist (* Yn 1535 moast dizze pakesizzer Hette sr. ûnder politike en geastlike druk syn werdoperskip ôfswarre, mar waard nettsjinsteande dat út syn Grytmans amt set. Guon minsken waarden ta de dea feroardiele omdat hja harren berntsje net dope lieten en dat sa, net doopt, koart dêrnei ferstoarn wie. Út in archyf is, krekt as yn sa ’n folle Minniste gemeenten, neat net folle te heljen. Hja wienen tige op har hoede en de bûtenwrâld mocht ek net mear gewaar wurde as nedich wie. Wat minder der op papier kaam te stean, wat better. Yn it begjin waarden hja ferfolge en wer letter allinne dulde. Te folle op skrift stelle wie dêrom dus altyd ek net goed. Yn de tiid fan Frijheid, Gelikens en Bruorskip is it dien mei it dulden en kin mear op skrift steld wurde. Der binne dan letter ek mear ledelisten, boekhâldings ensafuort hinne. Yn BERLTSUM is hjirfan net folle fan bewarre bleaun. Der is spitigernôch neat mear oan te feroarjen. It bliuwt foar ús in slúten boek.
(Foto: Menno SImons)
Yn de Fermanje leit noch in âlde Biestkens Bibel út it jier 1610. Dizze Bibel, noch fan foar de Doardtse Synoade, behearde earder ta oan in flechtling (* * (in asylsiker soenen wy no sizze)) út it Flaanderlân. It wie in sekere Jilles Jantz Hellebuyck. Syn pakesizzer, (in famke) hie de Bibel krigen dat der by de fererving gjin kibberaasje ûntstean soe. Wol moat der ek noch in hiel âld ferwurden en hast net mear te lêzen boek wêze út it jier 1757. Dêr steane allinne wat posten yn fan ynkomsten en útjeften. Yn dy tiid brocht in kollekte likernôch sawat ien gûne en tsien stoeren op. By de fiering fan it Hillich Nachtmiel wienen de opbringsten in stik heger. Oan in Johannes Gerbens waard de somma fan 52 gûne en 10 stoeren betelle foar in fondeljier. Fierder binne der noch in pear boeken wêryn oantekens fan ûntfang en útjefte bewarre binne. Der wie om 1850 hinne noch in aparte earmen of diaken administraasje. Ek is neat te finen oer it stiftsjen fan in nije tsjerke oan de Grytman-steech. (no de Vermaningstrjitte) en de oanlieding dêrta. Fan in Jan Heeres út Harns, in keapman fan stiennen, dy ‘t op 18- 3-1795 stoarn is, is ris in legaat ûntfongen mei de omskriuwing, “dat it jild op de meast profytlike en meast feilige wize belein wurde moast”. Hy liet in fermogen nei fan fl. 70.000, - In grut kapitaal yn dy tiid, en in protte Minniste gemeenten yn Fryslân hawwe hjirfan profitearre, wêrûnder dus dy fan BERLTSUM (fl. 3375,-). Blaupot ten Cate skriuwt yn “De skiednis fan de Minnisten yn Fryslan”: .... .... .... pastoar Menno Simons, berne yn 1496 te Wytmarsum, en pastoar yn 1531, hat de Roomske tsjerke yn 1536 ferlitten en preke, yn striid mei de Roomske leare, de grutdoop en de warleazens en ferbea eeden te swarren. Hy flechtte nei East-Fryslân, (Embden) mar yn it geheim besochten hy en syn freonen de ferstruide leauwens-genoaten yn Fryslân op. Hy liet him yn 1536 te Oldersum dope. Sa doopte de destiids yn Embden troch Menno Simens oanstelde âldste en rûnreizgjende preker Leendert (Leenaerd) Bouwens sûnt 1551 op syn grutte reizen fan om en by de15 jier op 74 plakken yn Fryslân 6506 persoanen, û. o. op it Bilt 234 en by BERLTSUM 227 persoanen. Yn 1563 te Holwerd en omkriten 67 persoanen en tusken 1568 en 1582 dêr nochris 167 persoanen. (Op it Bilt wienen earder yn 1535 ek al dopersken te finen, want de tsjerkfâden fan Sint Anne, Kornelis Willems en Frans Jansz. van der Meij (1510-1590), waarden doe al oanskreaun fanwegen de der hearskjende ‘Ketterije”.) Hja neamden harren hjir yn BERLTSUM “de feriene Friezen”. Út in Reses- en proklamaasjeboek fan MENAMERADIEL - A 19 kinne wy it folgjende lêze: Ferkeap op 8 -10-1678. Lomens Dirx en Arjaan Minnes e. l. tot BELCUM hebben verkocht een huysinge en achterhuys sampt hovinge, boomen en plantagie “het Hooghuis” genaampt, staande en gelegen in de Noorderregel aan de Oostkant van ‘t pypke ten dorpe BELCUM (no húsnû. 63), by Impk Jan Gysberts weduwe (** tegenwoordig bewoont wordende, hebbende een vrije steegh ten Westen en door welck de Doopsgezinde gemeente (de Doopsgez. off. de Vereenigde Friezen) tot haar Vermaanhuys voor altoos een vrije uit- en inganck noopens hunne godsdienst (sonder anders) sullen genieten, hebbende tot naastlegers deese vercopers ander huys en leedige plaetse, nu by Folkert Ernstes (van Gelder?) c. s. gecoft ten Oosten, Pytter Dirx ten Westen, de Straat ten Suyden, ende gemeene vaart agter ten Noorden, belast met 13 stuivers jaarlyckse grontpagt en een ½ floreen in de algemeene aenbringh toe schattinge, alsmede met de naastleger ten Oosten in de rechte royinge te maecken een heijninge ofte stachettinge etc. .......... .......... De bou fan in nije pastorije oan de Vermaningstrjitte húsnûmer 5 waard op 21- 1-1873 oanbestege en gunt oan Gerben Johannes Peterzon, mr. timmerman te BERLTSUM, foar de som fan fl. 5753,- De earste stien is doe lein troch Pieter Ruurd ’s Braaksma en it jonkje Martinus (ferneamd nei syn pake, de Herfoarme Dûmny Martinus L. de Boer) fan de Berltsumer húsdokter Theodorus Risselada. Nei de oergong fan de frijsinnige Herfoarme tsjerkfâdij nei in rjochtsinnige yn 1881 is in oantal Herfoarme leden oergien nei de Minniste tsjerke hjir en letter ek noch wol dripke by dripke. Hja makken letter it grutste part út fan dizze gemeente en binne no hast allegearre fan (meastal) frijsinnich Herfoarme ôfkomst, wêrûnder as earsten destiids, om samar ien te neamen, de pake fan de yn ús doarp bekende G.(âtse) L.(olke ’s) Boomsma (de beamkweker c. a.) dy ’t earst tsjerkfâd fan de Herfoarme tsjerke west hat. Hy wenne op no Buorren húsnûmer 25. Syn pake-sizzer en nammegenoat (û. o. de boekhâlder fan feiling “de Afslag”, de kassier fan de bank Coöp. Voorschot bank “BERLIKUM” etc. ...... ...... ) is ferstoarn yn 1939 en op 1- 3-1939 kremearre te “Westerveld” yn Driehuis. Hy hat in soad foar de Minniste tsjerke betsjutten. It wie in man mei in protte jeften en talinten dy ’t hy ek brûkt hat as bestjoerslid, boekhâlder/kassier by de Coöp. Voorschot Bank, de Legere túnbouskoalle, it Griene Krús, feiling “De Afslag”, Frijmitselderij “De Friesche Trouw” etc. In strjitte hjir is no nei him ferneamd. Letter binne de de Geele ’s, de Schiphof ’s, Sape Andries de Haan, Douwe Gerrit ’s Wiersma, de Winselaar ’s, de Tolsma ’s, Romke van Reenen, Andele Boomsma, Horatius Postma, e. o. him folge. De Berltsumer Kuperus sibbe, de Andringa ’s en de Braaksma’s (Minne Ruurds) wienen hjir destiids fan âlds hast allegearre al Minnist.
G. L. Boomsa
Fuotnoaten:
(* Hette wie herfoarmingsgesind. De Roomske tsjerke wie yn ferfâl rekke. Yn 1480 (dus al in ieu foar de Reformaasje) probearre hy om hjir yn BERLTSUM in Kleaster te stiftsjen fan de foarút- strjibjende Oarder fan de “Bruorren fan it Miene Libben”. Nei de noadige swirrichheden slagge hy dêryn úteinliks wol yn, mar troch brek oan meiwurking fanút de Roomsk Katolike Klearus (mar ek de pest, sykten en it klimaat) hat dit Kleaster it hjir mar 8½ jier útholden. Is hy dêrom letter ta de Minniste leare oergien? Hjir wie al fier foar 1550 in Minniste mienskip. Of wie Hette miskien teloarsteld, omdat hy by it stiftsjen hjirfan it Kleaster fan de Moderne Frommichheids-beweging (de Devotio Moderna fan Geart Groote) net folle meiwurking krigen hie. It kleaster mei de namme: “Collegium Sancti Anthonii ‘t om Gnadensberch”, hat hjir net sa lang bestien. (1483-1491) (De stiftingsoarkonde út 1483 foar it stiftsjen fan in Fraterhûs te BERLTSUM foar de “Bruorren fan it Miene Libben” (“Broeders van het Gemene Leven”). Hjir is ek printe, sa wurdt oannommen: û. o. it boekje It Freeske Landriucht. (M. P. Van Buytenen) Mar ek in protte oare plakken wurde neamd. It bliuwt dus tsjuster.
(** Yn it midden fan de 16de ieu binne in protte Flamingen nei Fryslân flechte omdat hja hjir net swier ferfolge mar dulde waarden.
ANNALEN UND AKTEN DER BRÜDER DES GEMEINEN LEBENS IM LÜCHTENHOFE ZU HILDESHEIM
Yn dizze annalen komme wy ek faak de namme BERLTSUM tsjin. Samar inkelde fragminten:
Eine neu und besunders schwierige Aufgabe ûnternahm der Lüchtenhof, indem es 1482 auf Bitten des Priesters Gerhard von Bolsward der verwaltung des von einem Hauptman Hotso (Hette van Hemmema) begründeten Fraterhauses zu BERLIKUM, nordwestlich von Leeuwarden in Westfriesland sich unierzog. Die Priester Gerwin un Gobelinus, der Bruder Johann Himberch und später der Priester Nicolaus Dorsten wurden nacheinander über Deventer und Zwolle nach ihrem Bestimmungsorte geschickt. Dankbar wurde verzeichnet dass die beiden jügdigen Plantzungen ......... .......... Gobelinus, Priester (1480) Frater des Lüchtenhofes (1482) (1483) (1484) erwahlten Senior des Hauses zu BERLIKUM (1485) BERLIKUM (BARLICUM, BERLIKEM) Stadt in Friesland nordwestlich von Leeuwarden (1486) (1490) gemeinde zu (1482) Kirche Sankt Antonius s. Antoni tom Gnadensberg in (1485) neues Fraterhaus zu (1482) (1483) ......... ..... ( Yn 1485 kaam ek in frater Joh. de Wezalia (út Wezel) hjir yn BERLTSUM oan as boekebiner.)
........ und BERLEHIM (1483) von der Pest verschont bliebeth aber der Tod des Rektors Gobelinus im Jahre 1485, das ungesunde Klima des Ortes, die etc. ......... ........ ....... Iteui locus in BARLIKUM utpuka villa magis conqruerit agriculture deditis quam fratertim morbus et etc. ........ ........ .........
Samar foar de aardichheid wat fragminten yn hoe ’t de namme BERLTSUM nei de Latynske nammefallen útskelden wurdt: ......... ......... dominum Gobelinum, qui pro rectori posetus fuit BERLICAM ipsi perexement ad BARLICUM et resignaverunt locum Capitanus Hectoni (Haadling Hette van Hemmema) et aublatis ......... redisse in BARLICIINI .......... pater Gronningsis invisere BARLICTIM .......... BARLICENSUM in Frisia ........ Item prescatibus in BERLICUM venientibus convocatis civibum omnium eorum consensus habecantur et stent tantum in Hettone (Hette van Hemmema) ........ domum sancti Anthonii BARLICENSEM in Frisia ....... domus BARLICENSIS ..... locus in BARLICUM ............ de senioribus edim fratribus ad hoc aptis duo chieriint sepulti in BERLICUM (begroeven yn BERLTSUM) tercius ferit rector in iuchoator domus fratriim in Magde birch (Maagdenburg) ............ redisse in BERLICIINI ........... inviscret BARLICTIM.
IT ST. ANTONIUS COLLEGE/COLLEGIUM SANCTI ANTHONII (1483-1491(?)
De namme wie folút Collegium Sancti Anthonii tom Gnadensberg. De skiednis fan dit kolleezje is yn it koart gear te fetsjen (en út it Latyn oerset) as folget:
Yn 1482 wie preester Gerhardus fan Boalsert nei de bruorren fan Hildesheim (* ôfreizge mei boadskippen en brieven fan de Berltsumer Haadling Hetto fan Hemmema. Dizze hie de winsk, dat mei tastimming en op oantrún fan de mienskip hjir, dat de bruorren in fraterhûs stiftsje soenen NEIST DE KOARTLYN (?) OPRJOCHTTE TSJERKE. (dizze tsjerke wie al om 1345 hinne stifte) De mienskip fan Hildesheim, dy’t oerienkomstich it eigen model earder it ferheefjen fan harren tsjerke ta kapitteltsjerke op it each hie troch it stiftsjen fan in fraterhûs nei it Dimter model, stjoerde frater Gozewinus tegearre mei in klerikus en in leek mei in ôfskrift fan de privileezjebrief fan Hildesheim nei BERLTSUM. By akte fan 20 febrewaris 1483 joech David fan Bourgondië, de Biskop fan Útert, gefolch oan it fersyk fan Hette Hemmema. Hy ferheve de koartlyn (?) te BERLTSUM stiftte tsjerke mei de trije alters ta Kapitteltsjerke (in tsjerke wêr’t in kolleezje fan kanuniken oan ferbûn is), en makke de oanwêzige en takomstige preesters en klerus ta kanuniken (kapittelhearen). Harren libbenswize moasten hja ynrjochtsje nei it foarbyld fan it kapittel “Yn den Luchtenhof” te Hildesheim, sûnder te biddeljen en sûnder eigendom, yn mienskip fan guod (nei Hannelingen 2: 44), en ûnder in ferkeazen senior as lieder fan de mienskip. As fisitatoaren waarden oanwezen de rektoaren fan de fraterhúzen te Dimter, Swol of Grins, en de senior fan Hildesheim, dy’t minstens ienris yn de trije jier de fisitaasje ferrjochtsje moasten. De preester Gerwinus de Measte en Gerardus Petri (de boppeneamde Gerard fan Boalsert) waarden as earste kanuniken fan it Kollegium oanwezen en Gerwinus as earste senior. De ferhâlding oangeande de Biskop fan Útert en de Berltsumer parochy waard regele. Hy bepaalde teffens dat yn de Kapitteltsjerke wat de missen oangiet, de koartsjinst, de getiden en de oare seremoanjes, de riten fan Hildesheim neifolge wurde soenen. Begjin april 1483 keerde Gerwinus werom nei Hildesheim. Hy wie deryn slagge it Hildesheimske model fan in kollegiale tsjerke troch Biskop David fan Bourgondië oanfurde te krijen. Fierders hie hy oerliz hân mei de fratermienskippen te Swol en Dimter. Dizze twa húzen wienen it mei de fêstiging iens, mar de Dimter rektor Engbertus ter Beek wie tsjin de namme Collegium (Kolleezje) en hie frege it kollokwium fan Munster te riedplachtsjen. Gerwinus wie tegearre mei frater Gobelinus nei Munster stjoerd wêr’t de stifting goedkard waard. Yn maaie 1483 gie Gerwinus tegearre mei frater Johannes Hinsberch werom nei BERLTSUM. Hja dienen te witten dat it plak net geskikt wie. Dochs waarden op 1-5-1484 ek de preesters Gobelinus en Nicolaas Dorsten nei BERLTSUM stjoerd, mei jild en guod as boeken en boekbinersark e. d.. Nei alle gedachten moat it fraterhûs ek in boekprinterij hân hawwe dy’t letter yn 1491 oan de kollaasjebruorren yn Gouda oerdroegen is. De printerij soe fiif wurkjes fan 198 siden printe hawwe, bekend ûnder de namme Freeska Landriucht. Dêrta behearde in sechsde boek, Casus longi cum casibus brevibus libri iX, dat lykwols tige ferskilde fan de earste fiif boeken. Fierders Statuta Provincialia. Gobelinus ferstoar op 5-6-1485. De mienskip florearre hjir net. Nei oerliz yn Munster, Dimter, Swol en Grins waard ta it opheefjen besletten. Yn 1488 (it opheefjen wie noch hieltiten net realisearre) wienen yn it hûs swirrichheden ûntstien oangeande de wize fan libjen, en ek it kollokwium te Munster waard net besocht. It hûs yn BERLTSUM waard troch Munster as in swierrichheid ûnderfûn. BERLTSUM sels wie mar in doarp, de pleatslike tastannen wienen fier fan ideaal en de fraters-kanuniken wienen net bestân tsjin it rauwe klimaat hjir. Yn 1491 hawwe de bewenners fan it hûs BERLTSUM dan ek ferlitten en kearren hja nei Hildesheim werom. Rectoria wienen Gerwinus de Measte en Gobelinus n. n. , fraters Johannes Hinsberch en Nicolaas Dorsten. Der is gjin argyf fan dit Berltsumer fraterhûs bewarre bleaun. Dat dit fraterhûs oan de Grúsert stien hawwe soe sa’t guon minsken beweare wolle, wol der by my net yn. It fraterhûs stie op in hichte (Gnadensberch), dit fraterhûs sil fêst op it Berltsumer tsjerkehof stien hawwe by de om 1345 hinne al boude krústsjerke. Hja wennen net yn kleasters en wiene hjir net oan ferbûn.
Fuotnoaten:
(?) (?) Of wurdt hjir in doe yn dy tiid KREKT DÊRFOAR tsjin de tsjerke oanboude NIJE KAPEL foar dit doel bedoeld. Dit moat dan nei alle gedachten de kapel oan de súdkant fan de tsjerke west ha, want de measte Michaëlskapellen wienen yn Fryslân oan de westkant tsjin de tsjerke oanboud. It fraterhûs moat dan ek op de súdkant fan it tsjerkhôf stien hawwe en dan mooglik oan it doe trochgeande paad dat oer it tsjerkhôf rûn nei de stiennen tsjerke(tichelers)piip oer de Ljouwerterfeart. Dit moat dan it foltôgjen fan de tsjerke hjir as “krústsjerke” west hawwe. Om it tsjerkhôf wie doe ek mear bebouwing sa as in skoalle mei skoalmasterswente op de westkant by it doe sa neamde “skoalmastershôf” no by “it nije diel” fan it tsjerkhôf behearrend.
(* De stêd Hildesheim leit yn de dielsteat Nedersachsen en hat ûnder de tsjerken dêr ek in tusken 1001 en 1031 boude Romaanske tsjerke dy’t wijd is oan Sint Michaël en op de list fan it wrâldguod fan de UNESCO stiet.
L. C. 3- 9-1960. en SKIEDNIS fan MENAMERADIEL side 23 e. f. f.
OAN WATSE HINDRIKS POSTHUMUS. (fia de mail)
De lêste dagen ha ik gauris omsneupt yn de gegevens oer BERLTSUM dy’t je op it ynternet set hawwe. Ik hie der tige niget oan. Fansels binne der ek saken dy’t ik wolris yn my omgean litten ha en hie dêr dan MYN GEDACHTEN oer. Ien dêrfan is de fraach: WÊR stie ienris dat Berltsumer kleaster. My tocht it SOE WÊZE KINNE op it fjouwerkant: 1. Lytse Buorren 2. De muorre – no net mear besteand - fan de Lytse Buorren nei de Grúsert. 3. In part fan ‘e Grúsert. (nei de Efteromdyk – W. H. P.) 4. De Efteromdyk. (no de Hôfsleane neamd - W.P.) Op de kaart fan Caspar di Robles stiet op dit fjild ek in TUORKE!! Yn dy muorre op manselhichte, no fuortbrutsen, siet in doar. Yn it hôf dêrefter stiene hiele âlde fruchtbeammen. Dy muorre die my tinken oan de muorre om it kleaster Thabor hinne by Turns (Tirns). In buorkerij dy’t grif by it kleaster hearde hat yn de opfolging lang bestien. Hjir buorke ienris Sytse Douwes Braaksma (en waard letter bewenne troch syn soan Auke Douwes Braaksma, no bewenne en brûkt as kleanwinkel mei de namme “Rewi Fashion” troch Anke Wieger Durks van Dijk, pl. bek. as Lytsebuorren 24. W. H. P.) De (âlde) pleats hie tige hege stâlen, heucht my noch. By de bûthúsdoar wie lofts it húske op it ein fan in gong. (yn 1832 buorke hjir of wie de eigner in Abe Abes Postma. - W. H. P. *) It hiele projekt, boud en oanstjoerd troch de Hemmema’s, mei ynstimming fan de Miene Miente, wie foar BERLTSUM fan grutte betsjutting. Want in kleaster wie feitlik foar it doarp/stedsje yn dy dagen in “must”. De Grúsert wie de opfeart nei it kleaster. Mar BERLTSUM krige net de stipe, dêr’t se op hope hiene. Der wiene by de hegere organisaasjes allegearre beswieren. It ûndernimmen rûn op neat út. Oerbliuwsels dêrfan hawwe noch ieuwen yn de Buorren fan it doarp bestien. De opfeart tsjinne gjin ikeld doel: it waard in stjonkfeart, in grúsige (Frysk) in smoarge, goare feart, in iepen “rioel”. Krige troch de ieuwen sels de namme: de Grúsert!
Doe ’t ik fan skoalle kaam bin ik, 14 jier âld, op ’t fabryk kaam, De Leijempf. Ik folge kursussen: middenstân, typen, masineskreauwen ensafh. Siet yn 1940 op ‘t kantoar. Ik rûn, drafke, fan de Bûterhoeke nei’t fabryk. Dan gong ik faak oer de Piip, oer de Grúsert rjochtsôf en kaam dan by dy twastienmuorre en sloech linksôf by dy muorre lâns, dy’t trochrûn oan it efterein fan it wenhûs dat oan ‘e Lytse Buorren stie. Fan dat punt werom siet dat doarskraachwurk op sa’n 20 meter werom. Âlde Sybrandy (dit is de heit fan Bram Sybrandy doe wenjende yn it hûs Lytsebuorren 16 en no bewenne troch syn pakesizzer Fokke Sijbrandy. - W. H. P.) moast him altiten in bytse bûge om ûnder de drempel troch te kinnen. (Yn 1832 wie in bouboer Jan B. Bos fan Minnertsgea de eigner fan in hûs op ditselde plak – W. H. P.) Doe’t ik nei de (Twadde Wrâld)oarloch dêr ris omstrúnde skrok ik: de muorre wie fuort, dy sil yn 1946/47 opromme wêze. It muoide my tige.
Folkert K. Reitsma.
(Yn 1922 berne as soan fan Klaas en Baukje Reitsma – Zeldenrust. Op 10 july 1946 troud mei Sippy Minke Feenstra. Sûnt 1951 wenjende oan de Sjaardaleane op húsnûmer 13 yn Easterein (by Wommels) Sjoch ek op GOOGLE - W.P.)
*) oant 1838 wie hjir ek in Abe Abes Postma bakker yn BERLTSUM.
L. C. 28-2-1939.
Men schrijft ons uit BERLIKUM:
Zaterdagmiddag is nog vrij plotseling, in het Diakonessenhuis te Leeuwarden overleden één der meer vooraanstaande dorpsgenoten, de heer G. L. Boomsma, kassier-boekhouder der Coöperatieve Voorschotbank te BERLIKUM. De overledene werd op 9-1-1870 te BERLIKUM geboren. Aanvankelijk met de bestemming om bij het onderwijs te gaan, studeerde hij (sûnt 1884) aan de (Ryks)Kweekschool te Groningen en behaalde hij daar het onderwijzers diploma, hetwelk later werd aangevuld met de acte gymnastiek en de acte Fransche taal. Hij is als onderwijzer werkzaam geweest te Blijham en te Beverwijk. Daarna echter heeft hij het onderwijs verlaten en werd hij boekhouder bij zijn vader, die met den heer Frans Andries Gerbens (út Menaam, troud mei J. L. van der Meij) onder de naam “Firma van der Meij en Co.” te BERLIKUM een oliefabriek (de oaljeslaggerij yn de Bûterhoeke) exploïteerde. Deze zaak ging aan den overledenen en zijn neef Lourens Franses Gerbens over, doch werd later opgeheven. Kort daarna werd de veiling (“De Afslag”) van BERLIKUM opgericht, waarbij de heer Boomsma boekhouder werd, evenals bij de, toen eveneens opgerichte “Voorschot- en Spaarbank Berlikum” te BERLIKUM. De werkzaamheden als kassier-boekhouder der bank namen echter weldra zooveel van zijn tijd, dat hij in 1931 bedankte als boekhouder van de veiling. De heer Boomsma nam voorts een vooraanstaande plaats in het maatschappelijke leven in. Hij was voorzitter van de plaatselijke Schoolcommissie en van de Commissie van Toezicht op het Tuinbouwonderwijs en lid van het bestuur der Friese Doopsgezinde Sociëteit, alsmede president van de Kerkeraad der Doopsgezinde kerk te BERLIKUM. Voorts maakte hij deel uit van het bestuur der Vereeniging “Het Groene Kruis” en “Wijkverpleging” in de gemeente MENALDUMADEEL en was hij penningmeester van de afdeeling BERLIKUM dier vereeniging. Tevens was hij secretaris van de Land- en Tuinbouw Onderlinge. In 1938 trof den heer Boomsma een zware slag, toen hem op reis naar zijn zoon in Amerika 2 dagen voor de aankomst aldaar, zijn vrouw ontviel. Met den overledene is een persoon heengegaan, die voor velen een vraagbaak was, vooral op financiëel gebied en die ongetwijfeld een groote leegte zal achterlaten.
(Dat barde o/b fan it skip de S. S. “Konigstein”. Syn frou Sjoerdtje is 66 jier wurden en is kremear re te New York op 6-5-1938.)
De G. L. Boomsmaststrjitte hjir yn BERLTSUM is nei him ferneamd.
Sjoch it boek BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 140, de boppeste foto, de oaljeslaggerij yn ‘e Bûterhoeke.
-------------------------------------------------------------------------------
L. C. 28-2-1939.
Earder al wie der de MODERNE DEVOASJE. (Devotio Moderna.)
De Moderne Devoasje wie in spirituele beweging oan it ein fan de 14e ieu. Oanlieding wie ek doe ûntefredens oer de misstânnen yn de Roomske tsjerke en in brek oan persoanlik leauwens-belibjen. Grûnlizzer fan de Moderne Devoasje wie Geert Grote (1340 - 1384) ôfkomstich út Dimter. Thomas à Kempis (1380 - 1472, dy ’t sawat in generaasje letter libbe, soarge foar ferdjipping yn de beweging.
Mei de bining dy ‘t de kleasters yn Menameradiel hienen mei de Bruorren fan it Miene Libben út Oerisel, stienen Dimter en Swol bekend om it goede ûnderwiis dat dêr jûn waard. De Oarder fan de Bruorskip fan it Miene Libben, stifte troch Geert Grote (1340-1384), hie der foar soarge dat it ûnderwiis tagonkliker waard. Godstsjinst en Latyn wienen de fakken. Jan Cele (plm 1345–1417), in freon fan Geert Groote, wie rektor fan de Parochyskoalle yn Swol. Hy ferbettere it ûnderwiis yngripend. Hy soarge foar in skeakel tusken de legere skoalle en de universiteit. Op syn skoalle waard net allinnich les jûn yn it trivium: spraakkeunst (grammatika), wolspraak (retoarika), en riddenearkeunst (dialektika), mar ek yn it kwadrivium: rekkenkeunst (aritmetika), mjitkunde (geometika), muzyk (musika) en stjerrekunde (astronomika). Hy brûkte alle sân frije keunsten, dy ‘t oars allinnich meinoar op ‘e universiteit foar kamen. Sa lei hy de grûnslach foar it gymna-sium, de tariedingskoalle foar de universiteit. De skoalle yn Swol bloeide en yn har bêste jierren sieten der sels 800 à 1000 learlingen út ferskate lannen út Jeropa op. Ek de seedlike opfettings fan de Bruorren fan it Miene Libben sille de studinten mei foarme ha: seedlike earnst, libbens-ferdjipping, mystyk en soarch foar de siken.
(** de widdo is Impk Tierkx, Impk wie op 5- 4 -1614 boaske mei de kûper Jan Gysberts út Harns, ôfstammeling is û. o. Claas Jansen (Cuperus), berne 1653 - ferstoarn 1732, dy ’t op 4 – 8 - 1679 boaske wie mei Sijke Nannes, berne yn 1645 en ferstoarn yn 1687.)
*) Der wienen nochal wat groepen Minnisten dy ’t it net meiinoar fine koenen. Sa wienen der de Twisken, de Uko Wallisten, (yn de streek Noordbroek,) de Jan Jacobsgesinden, (1542 - 1612 yn Fryslân, ek wol hurde of âlde Friezen neamd) de Huiskopers, de Contra-huiskopers, it Eabe Wytses folk, it Tiete Popkes folk (yn de omjouwing fan Het Zandt.) De Ommelandse gemeenten, (dy ’t neat mei de stêd Grins te meitsjen hawwe woenen) De Flamingen, (Flaamske ballingen dy ’t yn 1567 nei Hollân, Seelân en Fryslân flechtte wienen en mei harren leauwensgenoaten yn konflikt kommen wienen. De Friezen wienen wend oan it feit dat dûmnys en de tsjerkerieden yn harren gemeenten de tsjinst útmakken. De Flamingen dêrtsjinoer erkenden gjin gesach, behalve dat fan God, boppe harren. Hja fûnen harren lidmaten ferstannich genôch om persoanlik út te meitsjen hoe ’t se hannelje woenen.) De Friezen. Dan wienen der ôfskiedingen mei nammen as de Jonge Friezen, de de Jonge Flamingen, de Jonge Danzigers, de Ukowallisten, de Adamisten. Mar ek de ôfkomst spile in rol. Sa wienen der de Heechdútsers, de Switserse Minnisten (1711 -1735), no bekend as de Meihuizens, de Lötschers (Leutschers), de Krasters en mei de famylje namme Boer. Yn Amsterdam de Zonnisten, de Lammisten en gean samar troch. Yn de 17e ieu wie sawat de helte fan de befolking fan Skylge minnist, mar ek wer ferdield yn “preciezen” en “rekkelijken”. (de groven en de finen.)
TSJERKEN registraasje.
Omdat alle tsjerken yn 1811 registrearre wurde moasten binne Ringen en Kringen oprjochte dy ’t wer feriene binne ûnder de namme “Algemiene Doopsgesinde Sosiëteit (A. D. S.)”
Swarre / Belove. (Ûnthjitte.)
Yn 1559 krigen hja beheinde frijheid. Yn 1659 waard tastien dat Minnisten net mear swarre MOASTEN, mar by eed belove MOCHTEN en yn 1672 krigen hja de FRIJHEID fan GODTSJINST útoefenjen (d. w. s.) yn de kontekst fan dy tiid, yn stillens en sûnder it lieden fan de klok, yn in partikulier hûs. Dit foaral fanwege de grutte lienings dy ’t hja de Steaten jûn hienen i. f. m. it oarlogjen yn dy tiid. (De Steaten hienen jild nedich i. f. m. de twadde Ingelske oarloch) Yn 1579 hie Prins Willem van Oranje harren lykwols ek al frijheid fan godtsjinst ferliend, en stipe hy har yn harren wegerjen in eed ôf te lizzen en wapens te dragen. Yn 1796 krigen se pas deselde rjochten en plichten as de oare tsjerken. (De Lúthersken krigen pas yn 1681 frijheid fan godtsjinst)
Sjoch ek it boek:
“De Fermanje fan BERLTSUM.” Oantekens by it 165 jier bestean fan de Fermanje te BERLTSUM, skreaun troch Arend Laases Douma. Maart 2007.
en it boek:
“EEN HALVE EEUW. Geschiedenis van de veilingsvereniging “DE AFSLAG” te BERLIKUM”, hjir yn stiet in foto fan G. L. Boomsma.
It ledetal skommele nochal yn de rin fan de tiid. Yn 1695: 50 leden. Yn 1838: 12, 1839: 30, 1850 plm 50, 1861: 67, 1870: 42, 1858: 72, 1898: 52, 1923: 89, 1942: 117, 195: 143, 1956: 151, 1960: 130, 1983: 100, 2006: 32 leden. De bern en belangstellenden net meirekkene.
((*)) Yn 1560 is dizze Bibel ferskind, mei ûnder oan de titel pagina de wurden:
”Ghedruct by my Nicolaes Biestkens fan Diest ”.
Lange tiid is oannommen, dat dizze (minniste) Biestkens út it Brabânske Diest (België) komme soe en sa om 1560 hinne yn Emden wurksum wie. Dêrnei soe hy earst nei Hoorn ferhúze wêze om úteinliks yn 1579 yn Amsterdam te loane te kommen. Hjir soe hy om 1585 hinne ferstoarn wêze. Oare ûndersikers mienden, dat Biestkens nea bestien hie. Syn namme wie allinne mar in pseudoniem west foar in útjouwer, dy ’t yn werklikheid Willem Galliard hjitten hie en dy ’t sa feiliger miende te wezen. In tredde ûndersiik stelde doe op syn beurt fêst, dat Nicolaas Biestken dochs echt libbe hie en fierder, dat hy tusken 1558 en 1562 printer wie, krekt oer de grins by Zevenaar yn in foar him feiliger streek. Neidat hy yn 1562 ferstoarn wie, soe de al earder neamde Willem Galliard syn materiaal oernommen hawwe Andringa's en tagelyk Biestkens syn soan oplaat hawwe. Soan en pakesizzer Biestkens soenen dêrnei it printersfak yn Amsterdam fuortset hawwe en behalve Bibels ek in oantal Lieteboeken útjûn hawwe. Hoe it yn werklikheid ek west wêze soe, hjir oer kin gjin utslútsel jûn wurde. Wol meie wy konkludearje dat in protte ûndúdlikheid foaral feroarsake is troch de swiere tiiden en de ferfolging dy ’t doedestiids plak fûn. It is net in orizjinele oersetting út de grûntalen. De gearstaller basearre him op de oersetting fan Luther, en somtiden op Erasmus en oare oersettings. Foaral leunde hy op de Bibel fan Liesvelt. Dit omdat yn Minniste rûnten de nedige kennis ûntbriek. De Bieskens Bibel hat lang tsjinst dien. Yn 1642, 1646 en 1721, dus yn de tiid dat de Steaten oersetting der wie, ferskinden der werprintings. De lêstneamde Bibel fan de Nederlânske Grifformearden, dy ’t sa hiel ticht by de grûntekst bleaun wienen. De Minnisten gienen no Steatebibels keapjen en hienen doe “harren” Biestkens Bibel net langer mear nedich. BERLTSUM mei wol wiiz wêze mei dizze âlde Biestkens bibel. It is it bewarjen (en besjen) wurdich.
Op in oar plak is te lêzen dat Nicolaas Biestkens, de bekende Doopsgesinde útjouwer, dy’t de Doopsgesinde Bibel en Liedekens printe hat, yn de Enge Kercksteghe yn in hûs mei de namme: “De Lelie onder de doornen” wenne hat.
Yn Fryslân binne wol 80 Minniste mienskippen west en makken sawat (nei alle gedachten) destiids in 25 % fan de Fryske befolking út. Mienskippen om BERLTSUM hinne hawwe û. o. bestien en besteane noch yn Holwert, Fiskbuorren, Blije sûnt 1807), Ternaard, Marrum, Hallum, Âlde Biltsyl (sûnt 1806), Tsjummearum (bestie dêr yn 1704 noch, de eardere tsjerke, dan as wenhûs bewenne, is op 18-2-1837 ferkocht), Stiens, Menaam (yn de 17de ieu de (mear rjochtsinnige) Jan Jacobsgesinden), Blessum (oant 1824 ta), Boksum, Baard (dy fan de Jan Jacobsgesinden), Arum, Itens, Harns, Frjentsjer en Ljouwert.
(Blaupot ten Cate)
(De noch lytsere mienskippen yn Sopsum, Dronryp, Doanjum, Tsjom, Seisbierrum en Hjelbeam binne letter yn haadsaak yn de neist gruttere mienskippen opgien, foaral nei Frjentsjer. Yn 1940 wienen der noch sa ’n 44.500 Minnisten en sa ’n 130 gemeenten yn ús lân. No binne der noch sa ’n 8000. Steven Isaäc’s ten Cate syn mem wie in Hester Blaupot. Dizze skiednisskriuwer hat syn efternamme dêrom letter feroare yn Blaupot ten Cate.)
DE DELGONG.
De weromrin fan it ledetal binnen de Doopsgesinde Tsjerke – stiftte troch de Fryske tsjerke-herfoarmer Menno Simons – is yn de ôfrûne desennia ysbaarlik hurd werom rûn. Fan de 44.000 yn 1949 nei 24.000 yn 1980 oant noch mar 1/3 dêrfan op dit momint. Op dit stuit telt Nederlân nei skatting noch in lytse 8000 registrearre Doopsgesinden.
L. C. 6-8-1885.
Door de Vereniging van Doopsgezinde Gemeenten is thans VOOR HET EERST uitgegeven een statistisch overzigt der Doopsgezinde gemeenten. Dit is aan ALLE gemeenten verzonden, (dus ek nei BERLTSUM) zoodat zij nu gemakkelijk een en ander van elkaar kunnen vernemen. Het overzicht bevat 142 gemeenten, waaronder 13 in Pruisen en 129 in Nederland. Van 6 gemeenten werden geen opgaven ontvangen, 19 zijn gecombineerd, zoodat het aantal plaatsen voor predikanten met een 10 tal moet worden verminderd, terwijl sommige steden meer dan een predikant bezitten. Er zijn 139 kerkgebouwen en 108 dienstdoende predikanten, terwijl 27 gemeenten vacant zijn, waarbij echter o. a. Goes en Giethoorn, noordzijde, die geen predikant verlangen. Aan tractementen wordt jaarlijks fl. 19.600,- uitgekeerd. Verschillende gemeenten ontvangen daarvoor subsidiën en wel van de Algemene Doopsgezinde Sociëteit F. 18.650,-, van de Rijper Sociëteit (N.H.) fl. 1750,-, van de Friesche Sociëteit fl. 3125,-. Het Rijk geeft 38 gemeenten toelagen tot een bedrag van fl. 11.000,-. Bovendien geeft het Verhoogingsfonds, bijeengebragt met het bepaalde doel om tractemanten te verbeteren, aan verschillende gemeenten tezamen fl. 15.600,-, terwijl enkele gemeenten andere helpen, een eigenaardig bijvoorbeeld, de gemeente Wormerveer hare zustergemeente terzelfder plaatse jaarlijks steunt. Dat de naam van onderlinge hulpvaardigheid in dit opzigt niet geheel onverdiend is, blijkt daaruit, dat slechts 25 gemeenten het zonder eenige hulp van buiten redden. (Sa is BERLTSUM op oantrún fan dûmny Seine Hiddes van der Goot hjir destiids û. o. ek troch de A.D.S. en de F.D.S. holpen by de bou fan de Doopsgesinde tsjerke.) Van de gemeenten zijn er 61 die nog geen 100 leden tellen, 42 van 110 - 250, 16 van 250 - 300 en 10 van meer dan 300 leden, dit naar de toestand op 1 januari 1885. (Seine Hiddes van der Goot is fan fierren besibbe fia Jan Doekes Fokma oan myn beppe Alida Joh. Fokma)
YN MINSKENLÂN STRIDE LEAUWEN EN FERSTÂN.
(It leauwen begjint wer ‘t de filosofie ophâld.)
Sjoch myn e-book LIBBENSWIIDOM. BERLTSUM BOPPE, BERLIKUM YN DE GROPPE.
L. C. 15-10-1960.
Nije Hollânske boeken moatte ..... ..... .....
It âldste yn it Frysk skreaune boek.
It âldste boek is it yn it Frysk skreaune boekje mei it “Freeske Landriucht”. Der binne mar in pear eksemplaren mear fan, hwant it is tige âld, to sizzen út de jierren om 1485 hinne. It is mei fjouwer oare boeken (net yn it Frysk) printe by in ûnbekinde printer. Dr. van Bruggen (m.w. van Buijtenen) tinkt fan yn BERLTSUM. (* Oaren wer fan yn Ljouwert. It “Freeske Landriucht” hat 91 siden en is foar dy tiid moai útjown. It wie net allinne it earste, mar ek lang it lêste Frysktalige boek bleaun. Pas yn de 17e ieu kamen der wer boeken yn it Frysk, bygelyks de Rymelarije fan Gysbert Japiks. (prof. Dr. Wytze Hellinga en syn frou dr Lotte Hellinga tinke fan yn Antwerpen)
Fuotnoat:
(* Earne oars fûn ik:
Hidde van Cammingha, zoon van Syds van Cammingha was in de 15e eeuw, eerst parochiaan te Dokkum en daarna te ANJUM (Kl. ANJUM by BERLTSUM?) en in 1483 en 1484 pastoor of hoofd-pastoor der kerk van Nijehove te Leeuwarden, waar hij vermoedelijk in 1483 op zijn kosten een pers liet drukken: It Rjuecht boek fen alre frije Freezena Freeske Landrjucht ien aade tieden beschrjaewn so as det baad di Keizer Magnus to Room, om it 800 jeer nei Christus, der nej Rodolf de Keizer om it 1273 jeer. Droekt ien it Kleaster by Jr. Hidde fen Camminga, Parochyaan eerst to Dockum, da to AANJUM. Goeltjes om it 1460 jier, ien ‘t eerst opkommen fen de drokkerijen. Dit werk is met de Nederlandsche vertaling van Petrus Wierdsma, Notaris en Auditeur militair te Leeuwarden, onder medewerking van Petrus Brandsma, Raadsheer in het Hof van Friesland, gedeeltelijk herdrukt. (Wer oaren tinke as plak fan printen fan dit boek oan Ljouwert, Keulen of Leuven. In âldfrysk rjochtshânskrift op perkamint út de Von Richthofenkolleksje is noch te finen yn Tresoar.)
L. C. 10-6-1998.
Meer dan 5 eeuwen drukwerk in Franeker.
Om 1480 hinne binne, by de net salang bestien hawwende kleastermienskip “de Bruorren fan it Miene Libben”, yn BERLTSUM in tal boekwurken (saneamde incunabelen) printe, titele: It Freeske landriucht. Hjirfan binne mar 9 eksemplaren bekend en befetsje in samling rjochtsrigels en de Tsien Geboaden yn it âld Frysk.
It is om 1480 hinne printe by “de BRUORREN fan it Miene Libben yn BERLTSUM. It is oant 5 july te sjen op de tentoanstelling “Een snelweg van papier – Vijf eeuwen drukkunst” yn it Coopmans-hûs te Frjentsjer. (foto print.)
Sjoch ek:
L. C. fan 16-3-1966.
Werd Friese incunabel in Antwerpen gedrukt?
Jacobus Canter kan de man zijn.
CUIUS REGIO EUIUS (ILLIUS) RELIGIO.
===========================
Op de RYKSDEI fan SPIERS fan 1526 waard besletten, dat yn earsten eltse foarst yn syn eigen gebiet de leauwenssaken regelje soe, lykas hy tsjinoer God en Keizer ferantwurdzje koe. “Wiens heer, diens godsdienst” (Yn it Latynsk: “Cuius regio, euius (illius) religio.” De fûlens fan de ferfolgings hongen dêrtroch sterk ôf fan de religy en it karakter fan de Hartoch, Grêve of Baron fan it gebiet. Yn it algemien gie men yn Roomske gebieten direkt oer ta ferfolging. Yn 1555 waard by “de Augsburgse godtsjinst frede” dizze foarearste rigel: “Cuius regio, euius (illius) religio” troch de foarsten ta wet ferheven. Yn ús lân waard earst ek ferfolge (troch de Roomsken) en letter waarden de Roomsken, Remonstranten, Minnisten e. o. saneamd “dulde”. (troch de Kalvinisten.) Willem van Oranje hie in oare miening. Syn wurden wienen: “Ik kin net akseptearje en goedkarje, dat foarsten oer it gewisse fan harren ûnderdanen hearskje wolle en harren de frijheid om te leauwen ûntnimme. De Roomsken foarmen hjir fierwei noch hieltiten de grutste groep en ek de Protestanten fan Minniste signatuer oertroffen de kalvinisten yn oantal. Dêr kaam noch by dat ûnder de oarloch ynlânske religieuze skeelen hast ta in boargeroarloch laat hienen. De politike elite, self Kalvinistysk, hie der dus alle belang by om ta in wize fan maatskippij te kommen mei alle konfessies, de Roomske, de Doopsgesinde en ek de eigen Kalvinistyske. De Roomske tsjerke waard ferbean, de tsjerkegebouwen gienen oer nei de Protestanten en foar it tsjerklik guod socht de oerheid in nije bestimming. De gewoane Roomske minsken mochten harren leauwen fêsthâlde, as hja it mar net yn it iepenbier dienen en harren holden oan alderhanne foarskriften. Foar ferfolging om harren leauwen hoegden se net bang te wêzen. De Uny fan Útert, in soarte grûnwet fan ‘e Republyk út 1579, slúte dat út. Foar de Minnisten jilde likernoch itselde. Ek foar harren praktisearre de oerheid in gedoochbelied. Skûltsjerken foar de Roomsken en op in efterôfplak boude Minniste fermoanjes tsjûge der no noch hieltiten fan. De Grifformearde (Herfoarme) tsjerke krige in hiel oare posysje. Se waard de “befoarrjochte” tsjerke. De pleatslike gemeenten hienen de rol fan de midsieuske parochys oernommen mei de dêrby behearrende plichten en eigendommen. Hja ferfolden de taken dy ’t de oerheid wichtich fûn, as earmesoarch, ûnderwiis en sielesoarch. In folgjende regeling hold yn dat leden fan ‘e besjoerlike elite lidmaat wêze moasten fan ‘e befoarrjochte tsjerke. Grifformeard wurde paste dus by in goede karriêreplanning. De oerheid soarge yn it tredde plak foar goed oplieden dûmnys. Hja krigen ûnderwiis oan troch de oerheid betelle universiteiten. Ta einsjebeslút droeg de oerheid by oan ‘e trakteminten fan ‘e dûmnys. It bestjoeren fan ‘e tsjerke liet de oerheid oan ‘e tsjerken sels oer. Sij it ûnder tafersjoch fan ‘e gewestlike oerheid. Lanlike synoades waarden yn dy tiid fan ‘e Republyk net oarganisearre. Sa bestienen der yn dy tiid fan ‘e Republyk earste en twadderangs boargers en in earste- en twadderangs leauwen. Mei tolerânsje hie it net folle meitsjen, mear mei it managen fan maatskiplike en religieuze tsjinstellingen. Nei de Frânske revolúsje, om 1800 hinne, begûn der in nije relaasje tusken Steat en tsjerke en ek tusken de ferskate leauwensgroepen. De ferskate tsjerken hienen deselde posysje krigen. De oerheid hie nettsjinsteande de skieding fan tsjerke en Steat in grutte ynfloed op dizze tsjerken. Der bestie in Departemint fan Earetsjinst dat bestjoersregleminten makke foar de tsjerke-genoatskippen en de taslagen regele op de salarissen fan ‘e dûmnys fan ‘e Nederlânsk Herfoarme Tsjerke. In belangrike taak fan it krekt stifte Keninkryk wie in ienheid te smeien fan de earder sa heterogene Republyk en de maatskippij klear te meitsjen foar de technyske en wittenskiplike útdagingen fan ‘e 19de ieu. Op skoallen en tsjerken waard in berop dien. Al yn ‘e tiid fan ‘e Republyk hienen der feroarings plak fûn yn it teologyske tinken binnen de doe noch befoarrjochte tsjerke. De betreklike ienheid út de earste perioade nei de Reformaasje bestie net mear. In part fan ‘e elite fielde harren oanlutsen ta in leauwen wêrby ’t de rede sintraal stie. Yn it midden fan it teologysk spektrum ferbliuwen de ortodoksen dy ’t fêstholden oan ‘e iepenbiere wierheid wilens op de oare wjuk leauwigen te finen wienen dy ’t harren foaral dwaande holden mei de fraach nei it belibbe leauwen. (de saneamde ‘befynliken’) De lêsten hâlden somtiden aparte tsjinsten (konventikels) yn huzen en skuorren ûnder lieding fan rûnreizgjende prekers. Hja waarden al yn ‘e 18 ieu fakentiden foarwerp fan spot en waarden ‘finen’ neamd of ‘dwepers’. Yn BERLTSUM krigen se de namme fan “amêftige joaden.” (* In protte fan harren gienen nei Bitgum ta “te tsjerkjen” en men neamde harren ek wol de “ôfskiedenen”. De Berltsumer dûmny Gerhard van der Tuuk fan destiids hie net folle mei harren op en neamde se “driuwers”. By him gie it ferstân foarop by it leauwen en net it gefoel. Dat kaam op it twadde plak. De oerheid reagearre ek furieus mei boetes, finzenis en sels mei it ynkwartierjen fan soldaten. In pikant detail dêrby is dat de pleatslike dûmnys per geheime missive opdracht krigen te rapportearjen oer de dweepsucht en it separatisme fan harren gemeenteleden. Dat die van der Tuuk hjir ek. Omdat de hannelwize fan ‘e oerheid yn striid befûn waard mei de grûnwetlike frijheid fan godtsjinst (*, stoppe dizze represje nei inkelde jierren. Yn it midden fan ‘e 19de ieu lieten de Roomsken fan harren hearre. Hja woenen dat harren tsjerke folslein los fan ‘e oerheid stean soene en hja woenen in eigen tsjerklike organisaasje bouwe yn oerliz mei it Vatikaan. Der ûntstie in grut maatskiplik opskuor en protteljend moast de Protestânske elite de Roomsken harren grûnwetlike rjochten tastean. Ek it ûnderwiisgebiet soarge foar problemen. It spile in haadrol yn it projekt fan ‘e oerheid om de maatskippij te modellearjen. Mar rjochtsinnige âlders makken beswier tsjin de yn harren eagen frijsinnige kleur fan it ûnderwiis. Úteinliks easken hja it rjocht om eigen skoallen te stiftsjen. Yn 1878 organisearren hja in grutte hântekeningenaksje om de ûnderwiiswetjouwing te beynfloedzjen dy ’t bekend waard as ‘it Folkspetisjonnemint’. It mocht net helpe. De elite mei harren heechstimde idealen oer de winske Nederlânske maatskippij joech gjin krimp. Wat it basisûnderwiis (** oangie, bliuw de situaasje lang by it âlde: de lanlike oerheid bepaalde, de gemeente betelle út gemeentlike middels en skoode de rekken troch nei de yn mearderheid publike netmûnige boargers dy ’t de gemeentlike belêstings betellen. Foar it ferbetterjen fan ‘e posysje fan ‘e arbeiders moasten hja hielendal neat hawwe. Yn ‘e jierren 80 fan ‘e 19de ieu stjoerden se noch militêren nei it BILT doe ’t de arbeiders staakten. Al dizze presje fan ‘e befolking op ‘e oerheid laatte ûnûntkomber ta it politike groepsfoarmjen. Sa waard Nederlân in ferpylderd lân. De befolkingsgroepen, hjir ek yn BERLTSUM, libben betreklik los fan inoar wilens de lieders fan de ferpylderde organisaasjes harren oanslúten ta de elite en mei de tsjinst útmeitsje gienen yn ús lân. In foarm fan tolerânsje dus. Yn ‘e tiid fan de Republyk wie der amper sprake fan tolerânsje en yn ‘e 19de ieu botsten minderheden en machthawwers oanhâldend. Yn ‘e tiid dat ik yn Amsterdam wenne (om 1970 hinne), en letter, wienen der ek noch in protte demonstraasjes troch guon minsken fan myn generaasje. It heucht my noch: de groet-plicht fan ’e militêren, en oare demonstraasjes op ‘e Dam. It wite fytsenplan fan Roel van Duyn, it Damsitten, de ‘Baas In Eigen Buik’ demonstraasjes, de studinte opskuorren, de Maagdenhuis-besetting, it kreakjen fan leechsteande pannen en gean sa mar troch. Hjoeddedei is de ferpyldering lokkich op syn retoer en dat is mar goed ek. Wêrom net meiinoar yn ferskaat? In protte bart hjir yn BERLTSUM no ek meiinoar, meiinoar doarpsfeest fiere, meiinoar sporte, meiinoar muzyk meitsje, meiinoar op it toaniel. etc. ..... ..... Prachtich dochs!
(* Fuotnoat:
Yn it midden fan ‘e foarige ieu wie Longerhou it sintrum fan de Reveilbeweging. It begûn mei de komst fan dûmny J. W. Felix. Dûmny G. A. Wumkes skriuwt hjir inkelde ynteressante bysûnderheden oer yn “It Fryske Reveil”. Hy seit û. o.: It wie hwat hja wol neame in “evenemint”. De boekforkeaper Abits to Frjentsjer skroeve it net to sterk doe’t er’t wurdt oanhelle: “It is oars noch oars, as wie der in profeet fan de âlden opstien”. Hoewol Felix noch al jong en jeuchlik wie, forseach syn preekjen yn in besteand forlet. Oant nou ta wie it folk yn Fryslân noch to folle hâlden yn it ûnderwerplike en libbe men to slim by gestalten en befinings. Dirk Jacobs Noordmans fan Allingawier (en Skúzum), in dreech kristen en feroare yn djippe wegen, in danich freon fan ds. Felix plichte to sizzen tsjin harren dy’t ivich sa bikommere stiene: “Jimme sitte altiten yn jinsels om te klauwen, gean mei jimme kâlde fuotten nei it fjoer Christi (fan Kristus), en tsjin de BERLTSUMERS dy’t ek sa it ûnderwerplike dreauwen, sei er: “JIMME BINNE MY FIERSTEN TO KRAP YN DE SKUON”.
(** Fuotnoat:
Johan Rudolf Thorbecke (1798-1872) hat mei syn herfoarmjen fan ‘e Grûnwet fan 1848 derfoar soarge dat alle tsjerken yn Nederlân foar de wet gelyk wienen en freedlik meiinoar libje koenen. Gjin fanselssprekkendheid, as men betinkt dat kening Willem I. alle tsjerken yn ien lântsjerke byinoar bringe woe om syn macht te fergrutsjen. Thorbecke makke hjirmei de bloei fan de tsjerken yn de twadde helte fan de 19de ieu mooglik.
(*** Fuotnoat:
De oare liberaal is Pieter Wilhelm Adriaan Cort van der Linden (1846-1935). Hy makke yn 1917 in ein oan de skoalstriid, wêrtroch it finansierjen fan it iepenbier en kristlik ûnderwiis lyk lutsen waard. Foar in protte kristlike âlders wie in skoalle fan eigen leauwensoertsjûging fan grut belang wêr ’t hja in protte ynset en jild foar oer hienen. De arguminten fan doe binne foar de jongere generaasjes fan no amper mear te begripen. It ûnderwiis is yn hege mjitte “neutralisearre” en de wearden dy ’t doe jilden, wurde no amper mear yn ferbân brocht mei it ûnderwiis. De measte âlders (tink ik) stjoere de bern no ek net mear nei in kristlike skoalle út oertsjûging.
DE EARSTE TSJERKLIKE DISSIDINTEN
Karel V. en Philips II. en it hôf fan Fryslân ferfolgen in protte tsjerklike dissidinten. De earste dissidinten dy’t yn Fryslân oergienen ta eigen gemeentefoarming wienen de Minnisten. Fan de 1300 persoanen dy’t tusken 1523 en 1566 yn Nederlân fanwegen harren leauwen terjochtsteld waarden fûnen yn Fryslân 102 minsken de dea. Yn ferlykjen mei de rest fan Jeropa waarden yn de Lege Lannen in útsûnderlik protte ketters terjochsteld. De grutste groep foarmen de Dopersken. Nettsjinsteande de represje en it stigmatisearjen fan de Dopersken yn ferbân mei de Munsterske reboelje en de oanslach op it Oldekleaster, hawwe de Dopersken in grutte oanlûkingskrêft útoefene. De wichtichste konkurrinten fan de Anabaptisten foarmen yn it tredde kwart fan ‘e 16de ieu de Grifformearden dy’t harren, folle letter as yn Hollân en Seelân, oanienslúten ta “Gemeenten ûnder it Krús” en likemin rekkenje koenen op erkenning fan ‘e Oerheid. Yn oantal waarde hja lange tiid benefterlitten troch de Doopsgesinden. Foaral Embden spile in wichtige rol yn it fêstigjen fan it Grifformeard Protestantisme yn Fryslân. Ûnder oare tank sij harren oandiel yn de Opstân tsjin Spanje koenen de Grifformearden yn Fryslân oan ‘e macht komme. Foar bestjoersfunksjes waarde goede Patriotten frege, dy’t by foarkar lidmaat of leafhawwers wienen fan ‘e Grifformearde religy.
SICKE FREARKS.
Sicke Frearks (Snyder) is ien fan de bekendste Doopsgesinden fan it earste begjin. Hy hie him yn Embden oerdope litten en waard hjir troch it Hôf fan Fryslân op 20 maart 1531 feroardiele ta it ûntheadzjen troch de skerprjochter by de Cancelreye.
Dit is it fonnis en de transskripsje hjirfan:
“Alzoe tegenwotedige Sicke Freerxz gevangen onder den hove van Vrieslandt staende op zijn vrije voeten buyten pijne ende banden van ijsere opentlyk bekendt heeft omtrent 15 daeghen nae Kermsmisse lastleden toe Embden herdoopt te zijn. Seggende daertoe indyen hij nyet anders dan in zijn jonkheyt gedoopt oft oick onlancx als voorschreven is, nyet herdoopt en nae dat hy hem noch soude laeten herdoopen met meer anderruen en zijn confessie breeder ende het van gheen noede te verhaelen. Die ..... ..... leren te exemple ongestraft nyet en behoeren te blyven. ‘t Voorschreven hoff condempneert den voirschreven Sicke Freerxz dat hy by den scharprechter hiervoer den cancelrijen mitten sweerde van levende lijve ten doot gebrocht sal worden, ‘t lichaem op en rat geseth en thooft op een staka”. ..... ..... .....
Aldus gedaen ende uutgesproken den XXen maerci anno XXXI. (20 -3- 1531)
MATTHIAS BELKENSIS
Oft der eartiids ek BERLTSUMER Minnisten tusken 1536 en 1560 efterfolge binne om harren leauwen, of feroardiele binne, ha ik net fine kinnen. Wol wenne hjir in dy tiid in Pytter Jans fan BERLTSUM dy’t mei in Ysbrant Rommerts fan Dronryp nei Ljouwert roppen waarden om harren te súverjen fan it beskuldigjen om it iens te wêzen mei de werdopers en om 1536 hinne wenne hjir in Maes (Matthias Belkensis of wol Mathijs fan BERLTSUM). Hy is nei alle gedachten identyk mei de doe al âlde skuonmakker Maes as ien fan de Fryske striidbere ôffurdigers dy ’t in grutte rol spile hawwe by it Konvint fan Bocholt yn Westfalen yn 1538. In striidbere rjochting ûnder de Minnisten destiids ek wol bekend mei de namme “de moardbrâners”. De troch Blesdijk (N. Blesdikius) (de doe al tige âlde *) sa troch him neamde Matthias (Maes) Belkensis kaam fan BERLTSUM en net fan Balk sa ’t almeast oannommen waard. Hy wie der mei syn ‘broeder’ Sjaard (Tyaard) fan Snits. Hjir wenne om 1583 hinne yn BERLTSUM ek in Joris Jacobs dy’t doopsgesind wie.
*) Fuotnoat:
...... ....... Maes scoemaecker of Matthias Belkensis “een seer out man met graeuwen haer” die sich in het voorjaar van 1533 op het eiland De Kampen bij Oldehove ophield etc. ....... .........
DE GEARKOMST YN BOEKHOLT (Westfalen)
Menno Simons woe al dejingen dy’t it mei him iens wienen, de folwoeksendoop oangeande, ferienigje, mar wat him tsjinstie wie dat guon oerbleaunen fan de Munsterske sekte harren wer ferienige hienen ûnder in sekere Jan van Batenburg, de eardere boargemaster fan Stienwyk. De ynsichten fan Menno van Batenburg rûnen safier útien, dat men it nedich fûn in algemiene gearkomst te belizzen om te sjen oft men ta in oerienstimming komme koe oer de te bestriden punten. Dizze gearkomst fûn plak yn 1538 te Boekholt (Westfalen). Út Fryslân ferskynden as ôffurdigers fan Menno Simons en Dirk Philips, in Tjaard (Tyaard) fan Snits en in Matthijs (Maes) út BERLTSUM. Dizze gearkomst rûn op neat út. Ien fan de gefolgen skynt west te hawwen dat Menno Simons syn haadwurk ‘It Fundamintboek’ skreaun hat, wat hy yn 1539 útjoech.
De ferfolging fan de Dopersken yn Fryslân (1536-1560)
Yn 1557 komt de ynkwisiteur Wilhelmus Lindanus nei Fryslân, dy’t ynearsten mei myldens besocht de ketters werom te kearjen nei de Roomske tsjerke. Yn 1559 waarden wer ketter- jachten organisearre. Hy besocht in protte plakken wêrûnder ek BERLTSUM en it Bilt, “alwaer hij wel het register van der sectarijsen deselve heeft gesocht ende vervolcht”. Dúdlik wie dat der in list opsteld wie fan “suspecte” (fertochte) yndividuën dy’t de prokureur-generaal opspoarje moast. Hjirnei wie der in ein oan de swiere ferfolging. Yn 1562 en 1563 tôge de prokereur-generaal, nei in tiid fan minder ferfolgjen, wer nei in protte doarpen ta wêrûnder ek wer nei BERLTSUM. Yn BERLTSUM dage hy Pieter Cornelissoan yn en yn Warkum socht hy Meije Liauckema en syn frou etc. Ek yn Boksum en Grou en in protte oare doarpen ferskynde de substitút-prokureur-generaal.
Hjir yn BERLTSUM waard Thomas Jans socht. Mooglik waard dizze besite hjir ek ôflein yn ferbân mei de kwestje oangeande IJsbrand van Harderwijk. Ysbrand wie muonts yn it Kleaster Lidlum en pastoar fan BERLTSUM. Hy hie de wurken fan Luther bestudearre en wie yn 1546 nei Wittenberg tein om dêr te studearjen. Dêrnei wie hy yn it Kleaster Lidlum werom kommen.
De minnisten hiene ek muoite mei in Plakaat fan febrewaris 1586 oer it slúten fan in houlik. In protte fan harren winsken foar de eigen gemeente te trouwen. Om harren ta it neilibjen fan de wet te twingen hat Tjerck van Heerma, de grytman fan Menameradiel, yn 1623 by in Sierck Annes de bêste meubels yn beslach nimme litten (ta it foldwaan fan de boete) en drige hy de oare deis de oaren lyksa te behanneljen. Âldste Jacob Claesz. “cum sociis” sijnde van de gesintheid van Menno Simons ofte de Jan Jacobs gesinden in de Grietenije Menaldumadeel woonachtig, wenden zich tot de Gedeputeerde Staten. De útslach is net bekend.
DE “ROOTS.”
De Doopsgesinden of Minnisten wienen yn de 16e en 17e ieu tige talryk yn Fryslân. Ien fan de meast bekende kenmerken fan de Doopsgesinden is dat hja allinne de doop op belidenis erkenne. Dêrtroch binne der ûnder harren gjin doopboeken fan krektberne bern te finen. Omdat by genealogysk ûndersyk fan foar 1811 de doopboeken essensjele ynformaasjeboarnen foarmje, wurdt it ûndersiik hjirtroch dreeger. Mei oare histoaryske boarnen, lykas belestingkohieren en de argiven fan de Nedergerjochten, kin men fierder speure nei foarâlders. In protte ôfstammelingen, oeral wei, komme nei û. o. Fryslân ta om wat mear oer harren “roots” te witten te kommen. Ek BERLTSUM krijt sa no en dan fan dy minsken op besite. De measten, foaral Amearikanen, reizgje sa Jeropa troch en geane ek wol nei Switserlân, de widze fan de doopsgesinden.
DE AMISHKE MIENSKIP.
Mear dan de helte fan dizze Amearikaanske mienskippen – 60 % - datearje fan nei 1990. De groei is net it gefolch fan bekearlingen. Oanslúters binne by de Amish frijwol ûnbekend. De groei is te tankjen oan it hege bertesifer en de beslúten mienskip wêryn ôfskie fan de Amishmaatskippij net in protte foarkomt. De Amish hawwe doopsgesinde woartels (“roots”). Der binne strange amish (Old Order Amish) dy ’t yn soberens en yn ynbannigens libje en harren fier hâlde fan elektrisiteit of moderne ferfiermiddels. De mear liberale streaming hat wol elektrisiteit en brûkt ek auto ’s. It oantal Amish stiet neffens de nijste telling op 250.784 persoanen, ferdield oer Noard-Amearika (foaral yn Ohio, Pennsylvania en Indiana) en Kanada (foaral yn Ontario). De Amish binne ferdield yn 456 mienskippen oer 29 steaten. Yn totaal hawwe de groepen 1868 tsjerken om gear te kommen. As de groei fan de Amish trochsetten bliuwt, sil efkes nei 2050 de mylpaal fan 1 miljoen leden berikke wurde. De Old Order Amish brûke allinne techniken dy ’t gongber wienen om 1850 hinne en ride dêrom tsjintwurdich noch hieltyd mei hynder en wein, brûke gjin elektrisiteit en drage noch altyd de doe brûklike klean. De Amish binne ôfkomstich fan Doopsgesinde bewegings út Jeropa. Se emigrearren yn de 18e en 19e ieu nei Noard -Amearika. Yn 1877 folge der in splitsing yn in “liberaal” en in “konservatyf ” kamp. It libben is minder gysten en minder materialistysk dan wy hjir binne. BERLTSUMERS dy ’t ien of mear fan dizze mienskippen besocht hawwe wiene altyd tige ûnder de yndruk fan harren libbenswize en frommens. Ja guon Berltsumers wienen sels wol wat jaloersk op dizze minsken.
F. D. 25-6-2010.
STUTTGARD – De Lutherse Wereldfederatie maakt komende maand haar officiële excuses voor de vervolgingen van Mennonieten (Doopsgezinden) waar Lutheranen in het verleden – met name in de zestiende eeuw - verantwoordelijk voor waren. De Federatie doet dat tijdens een bijeenkomst in Stuttgart eind juli. In de “Augsburgse Confessie”, die in 1530 in Duitsland werd opgesteld en de leer van Luther bevat, worden de Doopsgezinden op meerdere punten bekritiseerd. Dat resulteerde in bloedige vervolgingen van de Doopsgezinden door Lutheranen. De Lutherse Wereldconferentie vertegenwoordigt zeventig miljoen christenen.
BETTER LET AS NET.
L. C. 25-10-2006.
Open Mennistenkerk BERLIKUM om te overleven.
BERLIKUM - De kleine Doopsgezinde Gemeente van BERLIKUM moet meer naar buiten treden, dorpsgerichter zijn in samenwerkeng om te overleven. Dat stelt organisatieadviseur Tjeerd Lont in zijn toekomstvisie “Levende stenen” voor Doopsgezind Noord-West Friesland.
(165 jarig jubileum van het kerkgebouw.)
Yn de FRÂNSKE TIID en dêrnei wienen de saneamde skûltsjerken net mear nedich. Der waarden yn it midden fan de 19e ieu dêrom in protte nije Roomske- en Minniste tsjerken (BERLTSUM) boud, en no net mear ferskûle. In protte nijboude Roomske tsjerken krigen de âlde hilligen-namme werom w. û. St. Michiel.
L. C. 20-4-1855.
Zijne D. Hoogw. de Aartsbisschop van Utrecht heeft, volgens de Prov. Fr. Court. in het Dekenaat (* Leeuwarden de volgende parochien opgerigt: Van de H. Clemens op het eiland Ameland; van de H. Aartsengel MICHIEL te Irnsum; van de H. Aartsengel MICHIEL te Warrega; van O. L. Vrouwe Hemelvaart te Wijtgaard; van de H. Werenfridus te Workum; van de H. Martinus te Dokkum; van de H. Wiro te Oosterwierum; van de H. Aartsengel MICHIEL te Harlingen; van de H. Vitus te (Sensmeer) Blaauwhuis en van de H. Franciscus te Franeker.
Fuotnoat:
(* Lange tiid wie MENAAM yn de Roomske tiid yn it tsjerklike ek in wichtich doarp, want it hie it Dekenaat oer de doarpen fan MENAMERADIEL, útsein de doarpen Boksum en Slappeterp. De haadpastoar hie it opsicht oer de oare pastoars fan de doarpen.)
DE GRÛNWET
Op 29 maart 1814 waard de grûnwet fan it Keninkryk der Nederlannen ynfierd. Nederlân wie der yn ferliking mei oare naasjes betiid by as it giet om it formulearjen fan grûnrjochten en it regeljen fan it steatsrjocht op papier; allinne de Feriene Steaten gienen ús Keninkryk yn de 18de ieu foar. De grûnwet is it fundamint wêrop demokrasy fêstige is. Dat wol oars net sizze dat it hawwen fan in grûnwet in betingst is foar demokrasy. Sa hawwe de demokrasieën Ingelân en Israël gjin grûnwet. Wilens ien fan ‘e wreedste diktatueren út de skiednis fan it minskdom – de Sovjet-Uny ûnder Stalin – tige grutsk op harren saneamde demokratyske konstitúsje wie. Ek de earse ferzy fan ‘e Nederlânske grûnwet yn 1814 wie net sa demokratysk as wy no wend binne: de foarst krige destiids in tige protte macht ta mjitten en de folksfertsjintwurdiging wie hast sûnder tosken. Tusken de grûnwetten fan ferskate lannen besteane nochal wat ferskillen. Sa is de frijheid fan ûnderwiis eat wat typysk by Nederlân heart: in grûnrjocht dat foar ’t ljocht kaam nei in langduorjende striid tusken Liberalen en Konfesjonelen oer it lykberjochtigjen en it finansierjen fan it ûnderwiis. Ek it oarderjen fan de rjochten sprekt boekdielen. Sa giet de earste kêst fan de Nederlânske grûnwet oer it ferbod op diskriminaasje, eat wat blykber yn ús lân tige wichtich fûn wurdt. Ús tinken oer it funksjonearjen fan ‘e Steat is yn de rin fan ‘e tiid flink feroare. De bekendste wiziging wie yn 1848. Doe waard ûnder lieding fan Johan Rudolph Thorbecke regele dat Nederlân in konstitúsjonele monargy waard. Hjirtroch waarden de ministers ferantwurdlik foar de dieden fan ‘e Kening, wat ynhold dat dy gjin macht mear hie. Yn 1848 waard de basis lein foar in bestjoerlik stelsel sa ’t wy dat no noch yn ús lân kenne. Yn feite is 1848 foar Nederlân as demokratyske rjochtsteat dêrom in folle wichtiger jier as 1814. De lêste grûnwetswiziging wie yn 1983.
..........................................
THORBECKE.
De Grûnwetswiziging fan 1848 makke de wei frij foar it wer ynoarder meitsjen fan de Roomske hiërargy yn 1853. Yn Útert kaam wer in aartsbiskop, mar de botte hannelwize fan Paus Pius IX. lokke yn it Protestânske part fan Nederlân de ‘April-Beweging’ út. It ophelpen fan de Roomske hiërargy waard op himsels net as in bedriging sjoen, mar as de Paus rept oer de “dwaallear fan Kalvijn” en de Protestanten as Kalvinistyske ketters ferliket mei lju dy ’t unkrûd sjidde hawwe tusken it weet, (de Barromeusensyklyk) rûke de Protestanten de brânsteapels al. Yn de ûntsteane konsternaasje sjocht men nei de regearing. Dizze hat der op goeie grûnen gjin aan fan dat hja de beneaming fan nije Biskoppen net ferhinderje kinne, mar doar dit net lûdop te sizzen. Dan nimme de Protestanten it inisjatyf ta in *) petisjonnemint û. l. f. Gerrit Jan (Gerardus Johannes) Mulder, gemikus, en bekend as de ûntdekker fan it aaiwyt (proteïnen). Yn de grûnwet wurdt it ynmingjen fan in bûtenlânske steat (hjir de Fatikaanske steat) ommers net tastien is it argumint. By de jierlikse besite fan de Kening (Willem III.) op 15 april 1853 oan Amsterdam wurdt de Petysje him oanbean. De Kening moat op befel fan it Kabinet Thorbecke fertelle wat dit kabinet sels net doart te sizzen: in boadskip al like ûntaktysk as de brief fan de PAUS en dus oalje op it fjoer. De Kening hie lykwols troch de skieding fan Tsjerke en Steat sûnt 1848 neat mear oer de tsjerke te sizzen. It Kabinet skype de kening dus op mei in boadskip wêr ’t Thorbecke sels mei komme moast. Mar de Kening “ferjit” de him foarkôge taspraak. Troch syn hertlik en taktfol hanneljen (it oars te wurk gean) tsjinoer de ôffeardiging fan de Protestânske ‘Aprilbeweging’ bêdet de Kening de mieningen del.
Hy fielt him djip trochdrongen fan it wichtige fan de petysje, sprekt wurden fan sympaty en leafde foar it folk en ferklearret ta eintsje beslút: “.......... deze dag, Mijne Heren, heeft den band tussen het Huis van Oranje en het Vaderland nog hechter vastgesnoerd en dierbaarder aan mijn hart gemaakt.” De kening gie net op de saak sels yn. Hy koe dit as konstitúsjoneel foarst ek net, omdat de minister polityk ferantwurdlik is. Thorbecke easket in “rûne” ferklearring mar de Kening wegert. Thorbecke hie SELS it folk útlizze moatten, dat it wer ynoarder meitsjen fan de Roomske hiërargy net ûnûntkombar wie, mar hy woe dy opjefte (taak) sels net útfiere. Ynstee fan it ûnstjoer te bedimjen feroarsake Thorbecke grutte skea en fersocht om syn ûntslach. NET de kening siet fout, mar Thorbecke sels. Kening Willem III. keas foar fersoening tusken Protestanten en Roomsken en hjirmei hat hy oan Nederlân en oan de Kristlike tsjerke in ûnskatbere tsjinst bewezen. De feiten binne dus presys it tsjinoerstelde troch wat in protte oaren suggerearje en sugerearre hawwe.
Fuotnoat:
*) Allinne al yn Ljouwert waard op 14 april 1853 troch wol 1000 persoanen in adres oan de Kening rjochte tsjin it opnij ynfieren fan de Biskoplike hiërarchy. Lanlik smiet de petysje sa’n 200.000 hantekeningen op. In protte stimmen, as men betinkt dat der lanlik yn de polityk mar sa’n 80.000 mannen it stimrjocht hienen.
MISJONARIS Siardus (Sierk) de Vries.
Doe ’t de Roomske tsjerke har hjir nei in lange tiid fan ôfwêzigens ûnder auspysje fan de “Sint Willibrordus Feriening” yn 1940 wer fêstige hie yn SINT JABIK yn in hûs (as húsgemeente) oan de van Swietenstraat (foarhinne de Tramstraat neamd) wienen in protte BERLTSUMERS dêr net sa bliid mei. Sa wit ik dat de Herfoarme dûmny Romke Bijl (fan Grifformearde komôf en tige striidber) der tige alert op wie hoe ’t hja te wurk gienen. Foaral frijsinnige en net-tsjerklike streken as It Bilt en de omkriten fan Drachten seagen hja as misjegebiet. (Yn Drachten waard doe, as reaksje op it stiftsjen dêr trocht de Francicanen fan in (bedoeld grut) Roomsk ferpleechhûs (sikehûs) by de kleastertún, in Protestânsk ferpleechhûs (sikehûs) oprjochte wat no de namme “Nij Smellinghe” krigen hat.) As misjonaris (sindeling) waard yn Sint Jabik pater Franciscaan (ek wol Minderbroeders neamd) Siardus (Sierk) de Vries oansteld. Foaral de Roomske gesinssoarch (dit wienen kleastersusters út de Oarder fan de Leafde fan Schijndel) wie in probaat middel om mei de befolking yn oanrekken te kommen. Yn 1950 wienen der al sa ’n 40 praktisearjende susters. Dit rôp wolris wat tsjinstân op. Net yn Sint Jabik mar yn Sint Anne is tusken 1958/59 úteinliks de nije Roomske tsjerke boud oan de Jan Jans Costerstraat. De earste stien waard lein op 8 – 8 -1958. De tekst is: manibus iunctis (de hannen gearslein) Lokkich is der no gjinien mear dy ’t him dêr drok om makket. Der is no sels in protte aparbeidz- jen op tsjerklik gebiet. Berltsumer Roomsken behearre no by de Parochy “Eén in vieren,” in gearwurkingsferbân fan fjouwer Roomske tsjerken hjir yn de N. W. hoeke fan Fryslân. De tsjintwurdige pastor is Nellie Sluis. (Sjoch ek by pater Gordeon yn dit e-book)
De Wetterlanners.
De WETTERLANNERS behearren ta de meast frijsinnige streamings ûnder de Minnisten. Minnisten dy ’t yn oare Minniste gemeenten “ûnder sensuer” (* stienen waarden troch harren samar oannommen. De Wetterlanners krigen dan ek al gau de spotnamme fan “de drekwein”. Hja wienen tige romtinkend en stienen iepen foar fernijingen en sûnderen harren net gau ôf yn it deistich libben. Ta dizze groep behearde ek de skuonmakker Sjoerd Heeres dy ’t yn 1614 yn Dokkum yn de Nauwstrjitte wenne. Ik ha in sterk fermoeden dat dit de foarheit (de pake?) fan de BERLTSUMER Minniste dûmny Sjoerd Pieters van Dokkumburg (berne om 1700 om hinne en stoarn om 1777 hinne) wolris wêze koe, hoewol de lêstneamde dêrtsjinoer bekend stie as in fûle ferdigener fan de konservative minniste prinsipes. Op 1-4-1654 fynt foar it Gerjocht fan Dokkum de boask plak tusken in Heere Sjoerds, berne te Dokkum en in Lysbeth Douwes, fan Kollum ôfkomstich. Wa siket it ris út?
(Sjoch ek op GOOGLE : Voor en nageslacht van Aechje Heres)
Fuotnoat:
( * Minnisten kenne (hjir yn BERLTSUM) gjin “censura morem”. (tafersjoch op it seedlik gedrach fan de tsjerkeleden) Wa kent net de útdrukking: “Ik sil him/har mores (de seden) leare! “ In attestaasje is in bewiis fan goed gedrach, wat ôfjûn wurdt troch it Kolleezje fan âlderlingen. (âldsten, opsjenners, tafersjochhâlders yn ‘e tsjerke) by in ferhúzing e. d.
L. C. 2-8-1912.
AANBESTEDING van het bouwen eener nieuwe consistoriekamer voor de Doopsgezinde gemeente te BERLIKUM, waarvan bestek en teekening ter inzage liggen vanaf 26 Juli t. e. m. 8 Augustus in de consistoriekamer van de voornoemde gemeente.
Inlichtingen bij E.(ngele) Kool te BERLIKUM.
(Engele Kool wenne op de Piip húsnûmer 7 en de timmerwinkel op de Piip húsnûmer 9.)
MINNIST.
Dopen wie mondig is,
Weren wat zondig is,
Spreken dat bondig is
Dat is Doopsgezind,
Vrij zijn in wat je gelooft,
Toon dat wat je belooft,
Een vuur dat nooit meer dooft,
DAT is Doopsgezind.