SWIERE STOARM OER BERLTSUM. (1953.)

In grut meteorolooch, in fakman op it mêd fan waarkaart analyses, wie Klaas Rienk ’s Postma. 16 jier âld al, wie hy ynteressearre yn it waar. Yn 1922 gie syn heit der akkoart mei dat hy in abonnemint krige op it waarkaartsje fan it K. N. M. I. yn de Bilt. Hy is in fier oan my besibbe famyljelid. Syn en myn oerpakes wienen bruorren en kamen út Ternaard. De oarspronklike namme Posthumus is yn syn takke yn de rin fan de jierren feroare fan Posthumus fia > Postmus nei > Postma.




(Foto: Klaas Rienk ’s Postma)

Hy yntrodusearre yn 1951 de earste Nederlânske waarkaart op de T. V. yn it doe destiids sa neamde N. T. S. -journaal. Hy is letter plf. haaddirekteur wurden fan it K. N. M. I. mar bliuw de waarkaarten trou. It meast dramatyske barren yn de 20e ieu, en yn syn libben, wie wol de wettersneedramp fan 1953. Hy siet yn dy tyd, as jonge waartsjinstlieder, der mei in kollega (Herman Bijvoet, de lettere haaddirekteur fan it K. N. M. I., ferstoarn op 29- 3-2000) midden yn. Al op sneontejûn 31 Jannewaris 1953 betiid seagen hja beide, dat it seewetter tige heech wurde soe. Boppedat wie yn Skotlân al wynkrêft 12 waarnommen en tûzenen beammen ûntwoartelen. De stoarm kaam streekrjocht op de Nederlânske kust ôf. Hja warskôgen alle Nederlânske autoriteiten mar net ien lústere. Hja woenen ha, dat ien fan de doedestiids twa besteande radio útsjoerders t. w. Hilversum 1 en 2 dy nacht yn de loft bliuwe soenen, mar de iene nei de oare joech net thús. Boppedat, stie it wykein foar de doar en wie net ien te berikken. Alles wat mar ferkeard gean koe gie dan ek ferkeard. De beide manlju wienen yn grutte fertwiveling. Wie der dan net ien dy ’t nei harren lústerje woe? Der wie noch gjin T. V. en pas de oare moarns, en foar guon minsken noch folle letter dy deis, drong troch wat der yn it S. W. fan ús lân bard wie. De gefolgen binne bekend: 1836 minsken ferlearen it libben, sa ’n 100.000 minsken ferlearen harren hûs, bisten en besittings en 72.000 minsken moasten foar it wetter flechtsje, Allinne al yn it doarp Nieuwerkerk binne yn totaal 286 minsken om it libben kommen en fan it gesin de Boet, om mar in foarbyld te nimmen, kamen de heit, mem en njoggen bruorkes en suskes om. Allinne Jos de Boet bliuw oer omdat hy dy bewuste nacht net thús wie. De measten stoaren yn de nacht fan snein op moandei. Guon binnen efternei nea werom fûn. In protte bisten ferdronken. Grutte gebieten yn Seelân, West-Brabân en de Súd-Hollânske eilannen waarden troch de ramp troffen. Dizze stoarm is yn de skiednis no bekend as de “DE RAMP fan 1953”. Ek yn Ingelân, Dútslân en België wienen oerstreamings, dy ’t hûnderten slachtoffers easken. Yn Ouwerkerk, presys op it plak wêr’t de dyk trochbriek, it tsjintwurdich it Wettersneedmuseum fêstige, dat toeristen út alle wynstreken lûkt. (Watersnoodmuseum.nl)

Klaas Rienk ’s Postma hie krekt nei de oarloch in fekânsjehûs bouwe litten op Flylân, wer ’t hy graach komme mocht. It hie de namme “Scholekster”. De jiske is op syn fersyk (nei syn ferstjerren op 22-6-2005) op de meast westelijke punt fan it strân fan Flylân útstrooid.

Sjoch it boek: Van Posthumus naar Postma van Ternaard naar Kimswerd. Side 23. ( 1.7.4.9.1. )

Sjoch ek op Google: WEER: De doctrine van Postma nader bekeken.

==========

PYT PAULUSMA.

===========

(De op 15-12-1956 te Tsjom berne waarman fan Omrop Fryslân (It waar), fan S. B. S.-6 (Piets weerbericht), fan it Frysk Deiblêd en sa fuort hinne.)

Net allinne waarman Klaas Rienk ’s Postma mar ek waarman Piet Paulusma is fan fierren oan my besibbe. Syn bet-oerbeppe Antje Dirk ’s STIENSTRA, berne op 28-12-1836 en stoarn op 4 -1 -1921 te BERLTSUM, op 10- 5-1865 troud mei Sybren Harmen ’s Herrema, berne op 28-10-1839 te Tsjummearum en ferstoarn te BERLTSUM op 10- 4-1908 (de stien leit noch op it Berltsumer tsjerkhôf) is in suster fan myn bet-oerbeppe Sibbeltje Dirk ’s STIENSTRA, berne op 28 -12 -1830 te BERLTSUM en stoarn te BERLTSUM op 18- 1-1906, op 29- 5-1855 troud mei Arjen Klaze ’s Santhuizen, berne op 10- 4-1830 te Rottevalle (Sm.) en stoarn te BERLTSUM op 10- 2-1889. (Sibbeltsje Dirk ‘s Stienstra is letter nei syn ferstjerren yn twadde boask troud mei Folkert Gabes Werkhoven.) In protte ôfstammelingen fan har broer Theunis Dirk ’s Stienstra wenje no ek noch yn BERLTSUM. Tink mar oan bouwûndernimmer/nammegenoat Theunis van der Graaf, Fedde en Johan van der Graaf. Hja binne dus ek oan Piet besibbe, krekt as de Berltsumer Herrema ’s. Piet is no 55 jier, wennet yn Harns, makke nei de middelbere skoalle earst karriêre by de P. T. T. (Post, Tillegraaf– en Tillefoantsjinst). Debutearre yn 1985 as waarman by Omrop Fryslân, presintearret no sûnt septimber 1996 Piets Weerbericht op SBS-6, earst as ûnderdiel fan Hart van Nederland, mar al tige gau mei syn eigen programma. Yn 1999, 2000 en 2006 waard hy keazen as de populêrste waarman fan it jier. (Pietsweerbericht.nl)

Sjoch ek filmke: Waarberjocht Pyt Paulusma.

De nacht fan 31 Jannewaris op 1 Febrewaris 1953.

Yn BERLTSUM gie it der ek mal om en ta. Hûnderten dakpannen fleagen fan it dak. Hiele dakken wienen keal reage. Yn de Buorren wie it libbensgefaarlik en gean nei bûten ta. Ik moast yn ’e hûs bliuwe fan myn âlders en mocht net nei bûten ta en dat kaam op my oer as in straf fansels. Want wat wie der no net moaier as om yn dy hurde stoarm bûten te wêzen. Alles wat los stie gie de dyk oer. Beammen knapten as lúsjefershoutsjes. De skoarstienpiip fan ús hûs op Buorren nû. 3 kaam nei ûnderen yn de foartún del. By de C. V. O. skoalle oan de Hôfsleane leinen de beide skoarstienpipen op it skoalplein. In soad bedriuwen hienen stoarmskea. Op de trije legere skoallen hjir waarden de bern frege om boartersguod mei te nimmen foar de bern dy ’t dêr yn Seelân by de wettersneed alles ferlern hienen. Op de radio wie in aksje start mei de slagsin: “Beurzen open, dijken dicht”. In protte minsken sieten by de radio te harkjen en wienen nijskjirrich nei wat de aksje opbringe soe. De regearing is letter mei it saneamde “Delta plan” kommen. De seediken moasten fersterke en ferhege wurde. Hjir yn Fryslân hat noch al wat striideraasje west oer in plan A en B wat de yndiking betrof fan Noard West Fryslân.

Ek de ynpoldering yn 1964 fan de Lauwersee hat in protte foar- en tsjinstanners oplevere. Lokkich hawwe by dizze swiere stoarm de Fryske diken it seewetter keare kinnen en dêr wienen in protte Berltsumers tankber foar, want it hie hjir ek oars útpakke kinnen. Der waard in Nasjonaal Rampenfûns oprjochte. Yn FRYSLÂN is sa ’n 2½ miljoen gûne opbrocht. Yn BERLTSUM brocht de doar oan doar kollekte fl. 3600, - op. De kollekte yn de Herfoarme gemeente rom fl. 4000, - en de tasizzing fan in skiep. Yn de Grifformearde tsjerke fl. 3300,- en yn de Minniste gemeente fl.1400,- It doarp WIER fl. 714, -

It jier dêrop, krekt foar de Kryst yn de nacht fan 22 op 23 Desimber, gie it der wer raar op en ta troch in swiere stoarm. It wetter stie noch heger as yn 1953 by de Ramp fan Seelân. De diken hawwe it hâlden. Wer wie der in protte skea yn BERLTSUM troch ôfwaaide dakpannen, skoarstienbuorden waarden ôfskuord en kajúten skansearre. Ek waarden in stikmannich rúten yndrukt. Yn swiere buien kin it somtiden mâl tagean.

Op 28- 2-1920 briek yn BERLTSUM in swier ûnwaar los mei in fûle snie- en hagelbui. De hast 25 meter hege skoarstien fan de grientedroegerij (* fan firma de hearen Bontekoe en Tulner waard troffen en as in kaartehûs útinoer slein. De stiennen leinen in 100 meter fier yn it rûn. Trije by it fabryk steande loatsen stoarten yn. Ek it kafee (“De Aardappelbeurs”, letter de túnbouskoalle fan 1922) fan de hear Tiemen Westerbaan (by feiling “De Afslag”) rûn skea op troch it yndrukken fan glêsrúten. (L. C. 28- 2-1920). Op de Pôlle waard op itselde plak troch Anne Leendert ’s Runia en Pieter en Minne Ruurd ’s Braaksma cs, neist de jirpelhannel, ek in flaaksfabryk en in griente- droegerij eksploitearre mei de namme “Cultura”.

(* Fuotnoat:

De grientedroegerij wie yn 1917 stopset fanwegen brek oan grûnstoffen. Hjir wurken doe 30 man. Dizze grientedroegerij is op 25-6-1920 publyk ferkocht.)

Bontekoe hie om 1886 hinne hjir yn BERLTSUM in steam oaljeslaggerij yn de Bûterhoeke. Sjoerd Aukes Tolsma, earst skippersfeint by syn heit, hat hjir letter in skoftsje masinist/stoker west. Hy krige spul mei Bontekoe oer it net mear útbeteljen fan in taslach wat opnommen wie yn syn lean en waard dêrnei, yn syn wente oan de Piip (it lofterpart fan it eardere Fearhûs), winkelman yn oerwurken en tabakswaren. Om 1888 hinne hierde hy syn earste wen/winkelpân oan no de Buorren húsnûmer 74. Op 14 desimber 1909 kocht Sjoerd Aukes trije lytse efter inoar oan it begjin fan de Buorren steande húskes. Dizze waarden slope en dêr waard in winkelpân mei boppewente boud (no Buorren húsnûmer 93). Op de gevel stie: Uurwerken, S. Tolsma, Horloger, Sigaren. Sjoerd Aukes wie ek doarpsomropper. Hy gie mei de skille it doarp troch. Dizze skille is no noch yn it besit fan Baukje Braaksma-Winselaar dy ’t yn de Buorren op húsnûmer 3 wennet. Sjoerd Aukes wenne letter mei syn frou Elske oan de Bitgumerdyk húsnûmer 55 yn BERLTSUM. Dizze wente waard yn 1908 foar fl. 500,- boud en as earste bewenne troch syn âldste soan Auke Sjoerds Tolsma, troud mei Eelkje Runia. Dochter Akke Sjoerds Tolsma, yn 1918 troud mei Fedde Jan’s Winselaar, wennen letter boppe de winkel en har heit Sjoerd A. Tolsma yn it hûs oan no de Hôfsleane húsnûmer 29. De Fa. Bontekoe en Tulner hie ek in oaljeslaggerij mei arbeiderswenten yn St. Anne, letter oankocht t. b. f. de bou fan in timmerwurkplak foar de gemeente wurken.

GOUDSE COURANT 24-4-1922

Uit de vlasindustrie

Wegens de slechte uitkomsten van de vlasindustrie gaat de N.V. Cultura te BERLIKUM (Fr.) liquideeren. De vlasfabriek, waar ‘s winters vele arbeiders werk vinden, zal publiek verkocht worden.

CULTURA

De N. V. Cultura yn BERLTSUM hie hannelskontakten yn Frankryk, België, Silezië, East-Dútslân, Tsjechoslowakije, Ingelân en Skotlân. Algemien fertsjintwurdiger en betûft hannelsreizger wie Ruurd Minnes Braaksma hjir wenjende yn BERLTSUM. Fan syn reizen docht hy skriftlik minisjeus ferslach oan syn mei-firmanten. Yn Grut Brittanje fynt hy ôfnimmers yn Londen, Liverpool, Glagow, Edinburgh, Leith en Dundee. Op ien fan syn hannelsreizen in sylhûet fan himsels meisje litten (sit yn it argyf fan de âld-Berltsumer en no yn Ljouwert wenjende Minne Ruurds Braaksma). Yn in notysjeboekje hâlde Ruurd in deiboekje by. “Moandei 7 novimber (1919) ‘s morgens vroeg uit Leeuwarden naar Rotterdam gereisd waar ik om 12 uur aankwam. Om half drie gegeten met Leendert (Annes) Runia en toen vissen gehaald. ‘s Avonds 10 uur op de boot die dinsdagmorgen, na een storm op zee meegemaakt te hebben en vreselijk zeeziek, toen om 8 uur in Harwich aangekomen”. ..... ...... Ruurd is gauris op hannelsreis west mei Leendert Runia (1898-1983), de âldste soan fan Cultura firmant Anne Leenderts Runia. Leendert is ek mei-firmant fan de Firma Runia & van der Schaaf te Ljouwert. Leendert wie troud mei Baukje en letter mei harren âldste suster Jitske, de dochters fan Arjen Dirks van der Schaaf út Bitgummole. Hja eksportearren set-jirpels. Syn sakepartners wienen syn sweagers Dirk Arjens van der Schaaf, ierdappelkeapman te Ljouwert en Sybren Arjens van der Schaaf, ierappelkeapman- en kweker te Bitgummole. Sybren rjochtet yn 1951 de kwekersorganisaasje FOBEK (Foar Boer en Keapman) op. Hy is direkteur oant 1971. Syn soan Durk folget him op.

Yn 1933 wurdt de Firma M. Braaksma en Zonen te BERLTSUM (troch Minne Ruurds Braaksma, BERLTSUM * 27-3-1852, oprjochte yn 1888) lid fan de Vereeniging Friesche Exporteurs van Plantaardappelen, tekene troch Ruurd Minnes Braaksma en it bestjoer Tjitze Hettema (fan Hannelshûs Hettema oprochte om 1862 hinne), foarsitter; Ritske Hendriks Tulner, siktaris; Dirk Arjens van der Schaaf, skathâlder, Ruurd Minnes Braaksma en Marten Pieters van Dijk (fan Maison Martin) ierdappeleksporteur te Sint Anne (de Frânske namme fan Marten syn Hannelshûs hat alles te krijen mei de hannel op Frankryk).

N. V. Handelsvereeniging “Cultura”, handel in landbouwproducten, Import – Export, fêstige te Ljouwert hie as firmanten de bruorren Pieter en Minne Ruurds Braaksma, “Aardappel- en Groentenhandel Import-Export” te BERLTSUM, Hette Tjitzes Hettema te Húzum, Tjitze Hettes Hettema te Bitgum, Anne Leenderts Runia te BERLTSUM en Pieter Leenderts Runia (1888-1962) te BERLTSUM. It startkapitaal fan Cultura dat troch de firmanten mienskiplik ynlein waard wie net minder as fl. 200.000,- Cultura hat in droegerij en pakhúzen by de feiling yn BERLTSUM. De droegerij tsjinne wierskynlik foar it droegjen fan beane, dêr’t neist flaaks en ierdappels ek yn hannele waard.

Foar de Twadde Wrâldoarloch gienen der op syn meast wol 1000 wagonladings poaters op transport en yn ien wagon gie al gau sa’n 20 ton.

Pieter Ruurds Braaksma, berne op 21-9-1867 en troud mei Albertje Groenewold, in dochter fan master Groenewold, hie sûnder dat hy fêstichheden efter de hân hie, it mei in failissemint bekeapje. (Russyske oandielen) Hy woe net by ien skuldeasker yn it kryt stean bliuwe. Om al syn skulden te fereffenjen ferkocht hy no syn eigen fêstichheden, hûs, bedriuwsgebouwen en lân. Kinne jo neigean, ien fan de rykste manlju fan BERLTSUM. Foar op ‘e fyts hie hy in bak mei sinaasappels en dêr gong hy mei de doarren bylâns. Yn syn eigen doarp. De lju moasten wol daliks betelje. Sa is hy der noch min of mear boppe op kommen. Myn heit fûn it net in aardige man yn it meiomgean, hy kaam altiten wat noartsk by him oer, mar hy twong by myn heit wol tige respekt ôf.

SIMMERSTOARM

By de simmerstoarm op 12-7-1992 rûnen yn BERLTSUM fjouwer wenten skea op en sneuvele de grutte grientekas fan de frijfeinten Jakle Runia en Kornelis Pieters Douma, steande op de hoeke fan no de Ir. C. M. van der Slikkeleane en de Poepedyk. De kas waard totaal fernield. It perseel wie op slacht yn ien grut glêsfjild feroare. Hjir stiet no de (eardere –tredde- grifformearde) pastorije oan de Ir. C. M. van der Slikkeleane húsnûmer 8.

DYKTROCHBRAKEN.

Yn BERLTSUM binne yn it ferline ek dyktrochbraken west. Û. o. yn de Grienedyk (Wiersterdyk) by ”It Leechje” en yn de Grienedyk (Bitgumerdyk) by de “Meseame” (< Mar-seame.) Op beide plakken wienen sa stikken útslibt leechlân ûntstien. It wienen eartiids stikjes peazich lân mei bytiden wat puollen (lytse markes) dêryn. It wienen fanâlds (net djippe) slinken wêr ’t de seedyk (dus ek wol de Griene- of Hegedyk neamd, en fierderop nei it Súden de Bornedyk) troch hinne lein wie. (De iisbbaan is ôftichele)

OERSTREAMINGS

De eardere om 1200 hinne troch de muontsen oanleine simmedyk (1.60 + NAP) fan it Bilt is ferskate kearen reparearre û. o. nei de Sint Marcellisfloed yn 1219, de Sint Luciafloed yn 1287 en de Sint Elisabethfloed yn 1421. Yn 1505 is it Bilt definityf ynpoldere mei in dyk op 4.41 NAP. It is de grutste polder fan Fryslân.

Fryslân is yn it fiere ferline meardere kearen troffen troch oerstreamings. De 5e Alderheljen- floed yn 1570, wie ien fan ‘e grutste wettersneedrampen en kostte oan tûzenen minsken it libben. It herstel fan ‘e diken duorre tige lang, wêrtroch de rispings yn de jierren dêrnei noch lange tiid troch (de sâlte) oerstreamings ferwoastige waarden. Yn Noardeast Fryslân ferdronken sa ’n 3000 minsken. Yn ‘e muorre fan ’e tsjerke yn Mitselwier sit in betinkstien as werinnering oan dizze grutte ramp fan destiids. Yn 1665 krige net allinne Fryslân, mar gehiel West-Jeropa te krijen mei in Sinterklaasstoarm op 5 desimber. De skea wie grut. Grut wie ek de skea by de stoarmfloed yn febrewaris 1825. Myn oerbeppe Boatsje, ôfkomstich út de Fryske Greidhoeke, wist noch in protte te fertellen fan ferhalen dy ’t hja wer fan har beppe te hearren krige hie. Pleatsen stienen op eilandsjes, as midden yn ‘e yn ‘e see, yn it lege midden fan Fryslân, doe ’t de diken fan ‘e Súdersee (no de Iselmar) op ferskate plakken trochbrutsen wienen. Ek it Grinzerlân, Hollân, Oerisel en de provinsje Útert waarden troffen troch dyktrochbrekken. By De Lemmer bryk de dyk sels op fjouwer plakken troch. Doe kamen yn Fryslân allinne al sa ’n 17 minsken om it libben. In pylkteken yn de muorre fan in pân oan ‘e Schulpen yn Lemmer werinneret oan dizze floed. Yn 1953 soarge op 1 febrewaris by Harns, by in kombinaasje fan springtij en swiere stoarm, foar ekstreem hege wetterstannen. Dêr waard in wetterstân oant 3,66 boppe NAP notearre. By de stoarm fan 3 jannewaris 1976 wie dat sels 3,69 NAP. Dy stoarm sloech by Surch boppedat twa gatten yn ‘e dyk en by Harns gie it seeswimbad ferlern yn ‘e hege golven. Yn ‘e nacht fan 31 oktober op 1 novimber 2006 kaam it wetterpeil by Lauwerseach oant 3,74 boppe NAP. De hichte fan ‘e Waadseekearing is no berekkene op in maksimale wetterstân fan 4 meter 95 boppe NAP. Dat is in stân dy ’t gemiddels ienris yn ‘e 4000 jier foarkomt.

TSÛNAMY treft BERLTSUM e. o. ( yn 1755.)

Op Sneon 1 novimber 1755 wurdt Nederlân troffen troch in selsdsum foarkommende “wetter- skodding”. It wie de moarns om âlve ûre, en ek noch wol by moai stil waar, dat dit totaal ûnverwachte “algemiene en geweldiche wetteroplibjen” plak fûn. Dit oplibjen hat sawat in goed kertier duorre en dus ek ús Berltsumer wetters, de Fryske Waadsee, marren, grêften, fivers, sleatten en wetterpuollen giene mei it skodzjen fan ‘e grûn tige tekear. Der ûnstienen tige grutte wettergolven. Hoe witte we dat? Dat witte wy fan de Eanjumer dûmny Theodorus Bymholt. (* Dizze dûmny wie berne yn 1713 en is ferstoarn op 31-12-1786. Hy wie û. o. fan 1742 oant 1744 dûmny yn Mitselwier en fan 1744 oant 1756 te Eanjum. It plak wer ’t ús hjoeddeiske dûmny Arjan Bouwknegt ek stien hat en wer ’t master Floris Visser skoalmaster west hat. Hy hat dêr yn Eanjum in gelegenheidspreek holden nei oanlieding fan dit barren. Dûmny Bymholt neamt dizze wetterskodding “een nieuw roepende stem des Heeren tot het Nederlandsche volk”. “De beste dijk die wij om ons vaderland kunnen leggen om het land te beschutten voor overstroming van de wateren van Gods verbolgenheid is een schielijke en gehele bekeering”. Hy stie dus doe as dûmny yn Eanjum fuort by de Waadsee en de Lauwersee en it seewetter sil dêr hielendal wol tige tekear gien ha want it hat dêr yn Eanjum doe in tige grutte yndruk op de minsken neilitten. (** Sûnt de lêste grutte tsûnamy op de twadde Krystdei fan 2004 yn de Yndyske Oseaan hoecht dat foar ús gjin fraach mear te wêzen. Hjirby kamen mar leafst 300.000 minsken om it libben. It wie in ûnderseeske ierdbeving. In ferlykjende ramp hat der plak fûn op 1 Novimber 1755 de moarns om njoggen oere hinne te Lissabon. Dêr ûntstie in floedgolf fan mar leafst 30 meter heech wêrby ’t sa ’n 50.000 minsken om it libben kamen. Út de preek fan ds. Bymholt kinne wy opmeitsje dat dizze tsunamy Nederlân sa ‘n twa oeren letter berikke hat. Lokkich is de skea hjir blykber beheind bleaun. Mar hja seagen hjiryn de ropstim fan God. Dagen letter pas hearde men hjir fan de ferwoasting fan de stêd Lissabon. Dit joech Bymholt oanlieding foar in twadde boetepreek. Dizze “boetepreken” waarden ek op in protte plakken holden yn 1717 by de grutte Krystfloed en letter yn 1953 noch wol by de “swierdere kringen” yn Seelân en omkriten. De te Stavenisse berne Herfoarme dûmny L. Quist, no wenjende te Groot Ammers, neamde, sels yn ús tiid noch, de Seelânramp fan 1953 “een gericht van God”. Dat de oarsaak de nei de Twadde Oarloch min ûnderhâlden seediken wie, waard der net by sein. Sa naam ek nei de grutte oerstreaming fan 1219 de bekende Grinzer pastoar Emo fan Huizinge dêrfoar de skuld op him; hy hie sûndige en dit wie de straf fan God. Sa waard der yn ‘e iere Midsieuwen tocht en no ek noch yn somlike strang grifformearde kringen. It skynt yn BERLTSUM yn 1755 ek wat tafallen te wêzen. Nearne lêz ik fan sonken preammen en boaten. Spitigernoch is ús hjir fan om it jier 1755 hinne ek net folle oerlevere fan BERLTSUM. Berjochten fan bûten Fryslân: Omdat it Alderheljen wie fielden in protte Roomske tsjerkegongers om kertier foar âlven yn it súden fan it lân yn ‘e tsjerke de flier bewegen en seagen hja de kroanlofters hinne en wer slingerjen. De ierde trille, it wetter kaam yn beweging. Yn Hoarne (N.H.) waard in skûte fan in Snitser beurtskipper fan de touwen losskuort en rekke swier skeind, yn Vlissingen botsten grutte oarlochsskippen tsjin inoar oan en yn Grins glide in turfskip ieretiids fan de helling it wetter yn.

Aardbeving te Hallum anno 1756

In jier letter op 21-2-1756: De ontsteltenis van het rundvee, dat niet stil kon staan en waarvan er eenige runderen onder de voet vielen, terwijl alles zoo muren als de grond in de stal zich bewoog.Vooraf werd onder den grond een geluid als van veraf zijnde donderslagen gehoord. Buiten was het stil en fraai weer en geene beweging in het water. Bij het eindigen was het of alles trilde en beefde. Na eene poos werd hetzelfde geluid gehoord, dezelfde beweging gevoeld. Alles viel voor in de tussentijd van een uur. OP DEN 1sten NOVEMBER DES VORIGEN JAARS had men te Hallum OOK eenigermate gevoeld die Lissabon verwoestte. Onder andere werd op Goslinga-State een paar zware boomen, die aan de gracht stonden gerukt.

(Beschrijving van het dorp Hallum in Ferwerderadeel. D. Cannegieter, ca 1880 deel I p. 73)

(Út: Een Bondel van dertien Leerredenen. By verscheidene Gepaste Gelegenheden voor de Gemeente Gods te Anjum uitgesproken door ds. Theodorus Bijmholt. Hy is berne te Grins op 12-10-1713 en op 24 -5-1739 te Grins boaske mei de lyksa te Grins berne Catharina van Hoorn)

(* fuotnoat:

Theodorus Adriani, “uit een geslacht dat vele verdienstelijke regeringsleden en waardige evangeliedienaars heeft opgeleverd,” sa lies ik earne, wie ek troud mei in Bijmholt en wol te Grins op 15-4-1748 mei in Anna Margaretha BIJMHOLT, berne te Grins op 11-2-1724, besibbe oan boppeneamde ds. Theodorus Bijmholt. Beide komme út it Grinzerlân. Harren soan, de lettere dûmny Arius Adriani, berne te Grins yn 1756 en troud mei Wibbina Emmen, wie letter dûmny te Dokkum en wenne oan de Hogepol 171, it hoekhûs Hegepol/Keningstreek. Hy krige yn 1823 besite fan de twa jongfeinten Jacob van Lennep en Dirk van Hogendorp dy ’t fanút Amsterdam in fuotreis, mei it lûkskip en mei de dilisjânse troch Nederlân makken. Adriani is ferstoarn te Dokkum op 23-12-1830.

(Sjoch earne oars yn dit e-book by Haadstik 38 Berltsumer efternammen en by Haadstik 39 BERLIKUM (1823) oer dizze beide te foet reizgjende manlju.)

Wie Adriani in ûnfreonlik man?

De beide mannen dienen ek Dokkum oan. Yn it ferslach fan van Lennep stiet harren moeting mei Adriani beskreaun.

“Na onze wandeling schelden wij bij den geleerden predikant Adriani aan, wien Tydeman ons aanbevolen had, hopende eenige inlichtingen omtrent Dokkum te erlangen. Men liet ons in eene binnenkamer. Een ogenblik daarna kwam de predikant binnen, zijnde een 70 jarige man 6 voet 6 duimen Rhijnlands hoog, gekleed met eene geele poeierjas, wollen kousen en witte slaapmuts; hij beschouwde ons van ‘t hoofd tot de voeten en vroeg wat wij wilden. Hier volgde het nevengaand gesprek, waardig over door Alida Rijzig of Chrisje Helder beschreven te worden doch dat ik evengoed als die dames de hunne onthouden heb. Van Hogendorp (met zijn gewoon exordium beginnende) Dominé, wij zijn U natuurlijk niet bekend, wij maken een toertje door ons land en professor Tydeman heeft mij verzocht U zijne complimenten te maken, hetgeen mij aangenaam geweest is, daar het mij de gelegenheid verschaft Uwe kennis te maken. Ik ben advocaat van Hogendorp uit den Haag en heb de eer U den heer van Lennep te presenteeren. Ik, den zoon van den professor. Dominé, Zoo het jou een brief! Van Lennep, nee Dominé, wij zijn al drie weken op reis en dus zou deze wijze van U een brief te bezorgen wel lang worden. Dominé, Ik heb pas een langen brief aan Tydeman geschreven, maar wat kom jou nou eigenlijk doen? Van Hogendorp, Uwe kennis maken, dominé. Dominé (naar mij toestappende): en jou, had jou ook nog iets anders te zeggen? Ik, nee Dominé, maar ............ Dominé, (drie stappen achteruitgaand) Dan kan jou weer heen gaan, ‘t is morgen biddag, en jou begriept, dat ik nou geen tied heb. Van Hogendorp (heengaande): Wij willen U in ‘t minst niet hinderen, Dominé. Dominé (mij in de borst vattend) en zeg jou aan Tydeman, dat hij me op een ander’tied geen complimenten stuurt, maar een brief, hoor jou? Ik, (tot de grond buigende): Ik hoop het waar te maken, Dominé. Pas waren wij de deur uit, of bersten wij beide uit een schaterend gelach en bestempelden beurtelings morrende en grinnikende den beleefden Adiani met de naam van Friesche buffel, ons wel beloovende zijn laatste boodschap aan Tydeman waartenemen. Dit laat dus niet veel omtrent deze stad verhalen dan alleen dat de meeste huizen nog grote luifels hebben. (Sa stie bgl. as luifelskrift op in tsjildraaiershûs oan de Dokkumer Turfmarkt: “Hier maakt men wielen daar vrouwen mé spinnen, om voor de mans de eerlijke kost te winnen”.) Doch als sy somtijds uit gaan te naayen, dan zit ik op mijn gat om wielen te draayen”.) Na thee gedronken te hebben schreven wij en gingen te negen uur naar bed.”

Was Adriani werkelijk zo bot of was hem de arrogantie van het tweetal in het verkeerde keelgat geschoten?

(** fuotnoat:

Dat de Eanjumers destiids by swiere stoarmen yn tûzen noeden sieten is wol te begripen, want it wie der deun by de Waad- en Lauwersee en de see koe by de stoarmen dêr tige tekear gean. Troch in grutte oerstreaming yn 1516 wie de tsjerke dêr ek alhiel ynstoarte en op 28-10-1681 stoarte de tsjerke opnij yn, nei alle gedachte troch in wynhoas. Yn 1685 waard pas mei de opbou begûn. Yn 1717, by de swiere “Kryst stoarm,” rûn de tsjerke wer opnij grutte skea op. Troch in protte minsken waard hjir de straffende hân fan God ynsjoen en waarden boetepreken hâlden. In fiere oerpake fan my t. w. Cornelis Cornelissen Posthumus, yn 1705 berne op “Jeltema State” en letter boer op “Ekema State” by de Fiskbuorren, beide pleatsen yn de omkriten fan Ternaard, hat dêr yn 1717 by de “Kryst stoarm” de dykynbrekken meimakke en moast jierren letter noch tsjûge en oanjaan wer ’t de eardere fuortspielde huzen efter de seedyk stien hienen. Omdat hy minnist wie en net swarre woe koe hy dit ûnder “de belofte fan de minnisten” dwaan. Hjir waard yn dy tiid in aparte list fan byhâlden. It seewetter stie yn 1717 fia âlde seeslinken foar de Wâldpoarte fan Dokkum, in protte minsken en fee fûnen de dea en it lân wie jierren net te brûken foar de lânbou fanwege it sâlte seewetter. Nei in oerstreaming waard meastal de earste jierren dêrnei (it mear tsjin it sâlt resistente) nôt ferboud mar ek wol koarn.

De swiere ierdskodding yn Lissabon dy ’t de stêd yn 1755 op 1 novimber, in tsjerklike feestdei, ferwoastige brocht in protte minsken yn Jeropa, de filosofen foarop, oan it twiveljen oer it bestean fan in rjochtfeardich God. De gongbere tinzen oer in teodisee koenen net mei de ramp yn oerienstimming brocht wurde. Benammen de teodisee fan Leibniz waard troch foarútstrjibje yntellektuelen fersmiten nei oanlieding fan dizze katastrôfe.

L. C. 15-11-1755.

Bij Abraham Ferwerda is gedrukt en te bekomen: Historische- en Natuurkundige Aanmerkingen over de zeldzame AARD- en WATERSCHUDDINGE die de Nederlanden, en in ’t byzonder in FRIESLANDT op den 1 November 1755; morgens omtrent 11 uren voorgevallen is: Behelzende: I. Een berigt, op welke manier deze Aard- en Waterbevinge in de Nederlanden zig heeft geopenbaart. II. Een Verhaal van eenige Aard- en Waterbevingen, of zoortgelijke zeltzaamheden der Natuur, die oudtyds in Nederlandt, en byzonder in FRIESLANDT ontdekt zijn. III. Een onderzoek welke natuurlyke oorzaken op zig zelve genomen, natuurlyk in staat zijn, Aard– of Waterbewegingen te verwekken. IV. Eene Oplossinge der oorzaken, die volgens de meeste waarschijnlykheid de Aard- en Waterschuddinge in deze Nederlanden op den 1 November laatstleden, hebben te wege gebragt. En ten V. Eenige Gedagten voor de Gevolgen, die men natuurlijke wyze uit dit voorval tegemoet zoude kunnen zien.

Door J. G. M.

Kost 5 stuivers. En zijn mede te bekomen te Franeker by Udink, Hoitsma en Yppinga, Sneek by Zeijlstra, Bolsward by Kramer, Workum, Balk, Dokkum, by Ronner en Schuil en op’t Heerenveen by A. Posthumus.

L. C. 5-3-1861.

BERLIKUM 24 Februarij.

Gedachtig aan het spreekwoord: eere, wie de eere toekomt, kunnen wij niet nalaten met een enkel woord te gewagen van het alhier l. l. donderdagavond, d. d. 21 dezer, gegeven concert, door het zanggezelschap “Eensgezindheid” onder medewerking van het alhier bestaande liefhebberij toneelgezelschap en H.(ooge) H.(eeren) leden de commissie voor de noodlijdenden door de overstroming. De op het programma vermelde zangstukken werden over het geheel zeer goed uitgevoerd en door de bekwame sprekers gehouden voordragten mogten uitmuntend genoemd worden, doch bovenal werd ons de avond dubbel aangenaam gemaakt, doordien eenige jongelieden zich verledigden om op te voeren het blijspel: In útfanhûser by de bakker. Dit stuk, waarin een schone moraal ten grondslag ligt, werd, wij durven het vrijmoedig en zonder overdrijving betuigen, bijna onverbeterlijk opgevoerd. De decoraties en costumes waren verrassend en de voordragt zoo vrijmoedig en karakterestiek, dat het de onverdeelde goedkeuring der talrijke toeschouwers mogt wegdragen en de jeugdige acteurs eene levendige en welverdiende toejuiching te beurt viel. Terwijl men aldus belangeloos samenwerkte om eene genoeglijke avond te verschaffen, bevorderde men tevens (wat trouwens ook het doel was van dit concert) eene edele zaak, daar de geheele opbrengst van dien avond is verstrekt ten voordeele der ongelukkigen door den watervloed. Waar aldus nut en genoegen gepaard gaan, smaakt het harte zeker, buiten ijdele lofprijzingen, en edeler voldoening, en wij herhalen nogmaals wat reeds vroeger gezegs is: dat hun voorbeeld ook elders navolging vinde!

L. C. 14-5-1833.

BERIGT AAN DE VEEHOUDERS.

De ondergeteekende verwittigt bij deze aan de veehouders in het algemeen en bovenal aan zijn begunstigers, dat hij zich met MEI van woonplaats veranderd en gevestigd heeft te BERLIKUM.

O. KOOPMANS, veearts 1ste klasse.

Akte van BOEDELSCHEIDING d. d. 26-10-1876.

Repertoire no. 55, verleden voor notaris Hendrik Willem Alma, notaris te BERLIKUM.

Feye Dirks Stienstra te BERLIKUM, erflater. Trijntje Theunis Runia te Berlikum, wed. van Dirk Feyes Stienstra, Theunis Dirks Stienstra te Berlikum, Arjen Santhuizen te Berlikum, gehuwd met Sibbeltje Dirks Stienstra, Sijbren Herrema te Berlikum, gehuwd met (* Antje Dirks Stienstra, Hendrik Klazes van der Brug te Oosterbierum, gehuwd met Pietje Dirks Stienstra.

(* fuotnoat:

Antje Dirks Stienstra is in âld-beppe fan de ús wol bekende lanlike waarman fan SBS 6, Piet Paulusma (fan PIETS WEERBERICHT en syn lanlik bekende útspraak fan: “Oant moarn”) en fan Radio Omrop Fryslân (mei syn útspraak: “Moarn mar wer efkes yn it waar sjen”). Antje har grêfstien leit oant no ta noch altyd op it Berltsumer tsjerkhôf.

L. C. 21-11-1945.

St. Anna Parochie.

Een voldoend aantal leerlingen (cursisten) heeft zich opgegeven voor een alhier op te richten vak–fruit-school, zoodat deze binnenkort wel zal worden geopend. De lessen zullen voorlopig in een der lokalen der O. L. S. worden gegeven door de heeren A. v. d. Heide, BERLIKUM en (P.) Smeding, Leeuwarden.

L. C. 29-6-1922.

Provinciale Staten van FRIESLAND.

B. & W. van MENALDUMADEEL vragen een subsidie uit de Provinciale fondsen t. b. v. de oprichting eener Lagere Tuinbouw School te BERLIKUM. De kosten van aankoop van het voor de school bestemde gebouw (dit wie in kafee) hebben bedragen fl. 16.000, - terwijl de kosten van verbouw en inrichting zijn geraamd op fl. 5500, -, tezamen fl. 21.500, -

L. C. 23-3-1928.

Lagere tuinbouwschool BERLIKUM.

Uitslagen van de gehouden toelatings-, overgangs- en eindexamens aan deze school. (In protte nammen - wêrûnder in protte Berltsumers - folgje.)

L. C. 14-6-1971.

Tuinbouwschool in BERLIKUM loopt leeg.

L. C. 27-5-1907.

De bliksem.

BERLIKUM - De bliksem sloeg waarschijnlijk door een openstaand raam in de bijzondere school (de C. N. S. skoalle) van den heer K. Kremer (it haad fan ‘e skoalle) en verliet het gebouw weer, na hier en daar enige schade te hebben aangebracht, doch zonder brand te veroorzaken. Wegens den schoonmaak was er vacantie en waren dus geen kinderen aanwezig.

.................................................................................................................................

FRIESCH DAGBLAD.

13-7-1992.

Riskante luchtreis door een windhoos te BERLIKUM.

Mevr. Runia stond in de tuin toen de windhoos om elf uur ‘s morgens de kop op stak. Het onweerde en regende op dat moment. “Toen ik omhoog keek, werd ik door de windhoos opgetild en een meter verder tegen de grond gegooid. Een container werd gelift en ging vlak langs mijn hoofd door de schutting heen. De gietijzeren tuinbank sloeg tegen de muur. Ik zag de windhoos verder gaan richting buren”, aldus mevr. Runia die op dat moment als enige buiten was.

L. C. 13-7-1992.

WINDHOOS treft Groenewoldwei in BERLIKUM.

“Suver net normaal mear, sa ’n sûging”. Op no. 5 by Gabe van den Bosch rukte de hoos heel wat pannen van het dak. De hoos ging zigzag over straat. Nadat de struiken tegen de grond gedrukt waren, trokken ze als een kurketrekker weer omhoog. De hobby groentekas van de familie Giesing op no. 8 is finaal plat gewaaid. De tuinstoelen op no. 6 lagen aan de andere kant van de tuin. De Fabers op no. 4 zagen hun garage en de voliëre gedeeltelijk de lucht in gaan. De over-buurman Gabe van den Bosch merkte op met welk een ongekende kracht een boom tegen de grond gezwiept werd. De Faber ‘s wonen nog maar net op no. 4 en hadden de boel nog niet verzekerd.

(Foto: In de tuin van de famile Faber blies de hoos een garage aan flarden.)

WYNKRÊFT ÂLVE.

Yn de nacht fan moandei 28 - 2 op tiisdei 1- 3 - 1948 triek in djippe depresje fan Yslân nei de Dútske Bocht. Al yn de nachtlike oeren nimt de Westewyn ta oant swiere stoarm wynkrêft 10 en it wetter stowt al oer de seediken. As moarns om in oere as njoggen in troch passearret en de wyn nei it Noard-Westen rommet, giet dat mei swiere wynstjitten. Den Helder notearret wynkrêft 11. It wie in stoarm dy ’t it Noarden fan ús lân yn gjin jierren meimakke hie. Foaral de Waadkant bylâns wie de ravaazje tige grut. Pleatsen moasten it ûntjilde. Gjin pleats bliuw skea besparre. De túnkers yn en om BERLTSUM hinne hienen grutte glêsskea.

L. C. 27-1-1990.

Storm was zenuwslopend voor tuinders.

Het was levensgevaarlijk de kassen in te gaan.

Tomatenkweker (Tom) de Beer houdt rekening met een schadepost van een half miljoen.

L. C. 27-2-1990.

Friese Tuinders Opnieuw Getroffen Door Strorm.

DE STORM heeft opnieuw grote schade aangericht aan de kassen van de tuinbouwbedrijven in Friesland. In de kassen van de komkommer kweker Aad Hartman uit Sexbierum zijn gisteren opnieuw 300 ramen gesneuveld. De vorige maand waren dat er 1000. “De krêft fan de stoarm wie dizze kear in bytsje minder” ferklearre Tom de Beer, dy ’t yn BERLTSUM tomaten kweekt yn syn kas oan de Bitgumerdyk. De skea yn syn bedriuw foel ta, omdat der troch de foarige stoarm gjin gewaaks yn de kassen stie. Dochs binne der justerjûn neffens de Beer sa ’n 200 rúten sneuvele en binne de doarren út de loads waaid. “Ik hie de kas ôfrûne freed net wer opboud. Dit wykein wie ik mei fekânsje, mar doe ik fan de stoarm hearde bin ik moandei hals oer kop wer werom kommen”. De Beer rûze de skea foar syn bedriuw dizze kear leger dan by de foarige stoarm. Doe sneuvelen der foar fl. 700.000,- oan rúten.

DE WAADSEE.

De WAADSEE yn syn hjoeddeiske foarm ûntstie by de Alderheljendefloed yn 1170. Doe bryk it Marsdjip troch en by opfolgjende stoarmfloeden yn 1196, 1219 en letter yn de trettsjinde ieu waard it Waadgebied hieltyd grutter. De Waadsee is dus sawat like âld as de Dom fan Útert dy ’t fanôf 1254 boud waard. BERLTSUM kaam oan ien fan de yn- en útstreamen te lizzen. De Boarn-stream dy ’t útmûne yn de Noardsee tusken Skylge en it Amelân. It Bo(a)rnrif leit tusken dizze twa eilannen.

WAAROM AFDANKERTJES.

Rustig bij de open haard dacht ik ondanks alle kritiek. Wij hebben zilver in onze haren, goud in onze tanden, gas in onze darmen, stenen in onze nieren, lood in onze schoenen en kalk op onze nagels. Staal in onze heupen en kunst in onze knieën. Vol met dure medicijnen zijn we wandelende goudmijnen. Ouderen met zoveel mineralen zullen het jaar 2100 halen. Daarom gaan wij fier door het leven. Nemen alle kritiek op als een spons. Want door bovengenoemde rijkdom drijft de hele economie OP ONS!