DE ÂLDE HUZEN YN DE BUORREN

De 17e dûmny nei de Reformaasje hjir yn BERLTSUM wie dûmny Gerhard van der Tuuk (hy wie fan de doe saneamde: “Âld Liberale rjochting”). Hy wie de opfolger fan de dûmny en doarps-histoarikus Petrus Nota, dy ’t hjir stoarn is. Hy wie beroppen fan Goutum en kaam út in echte Grinzer dûmnyssibbe. Syn frou wie in Liefke Klaasses van Leijen. Hy hat in protte foar de (lanlike) tsjerke en it doarp dien. Hy wie 51 jier dûmny west, wêrfan sûnt 1809 mar leafst 36 jier yn BERLTSUM. Wol it lêste, noch troch de Herfoarme tsjerke beroppen, en hjoeddeistich dûmnyspear Jan en Jeannette van den Boogaard - Bongers dit rekord ferbrekke, dan hawwe hja no noch wol efkes te gean yn BERLTSUM.

Ds. Gerhard van der Tuuk wie net foar neat Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw wurden. Hy hat yn de Generale Synoade sitten as fice-foarsitter. In healjier foar syn ferstjerren woenen hja him noch(ris) yn de Herfoarme Synoade hawwe. Hy dochs miende betankje te moatten fanwege de tanimmende swakkens. Hy is dan ek al koart dêrnei ferstoarn op 29-11-1845 yn de âlderdom fan 72 jier. Dûmny Wytze Winsemius, (Jawol, hy is besibbe oan de lettere V. V. D. minister Pieter Winsemius) dûmny te Tsjerkwerd en praesens fan it Klassikaal bestjoer fan Snits, is doe beneamd as lid yn syn plak. Gerhard van der Tuuk wie in goed sprekker en in foarstanner fan it Departemint “It Nut ta it Algemien”. Dit Departemint probearre troch folks-ûntwikkeling. (* t. m. f. it folksûnderwiis, in folksbibleteek etc.) it draachflak foar de saneamde “Ferljochting” te ferbreedzjen. Hy gie faak fuort te sprekken. Hy hat him ek grutte soargen makke oer de útwreiding fan de Ôfskieding yn syn gewest. Hy warskôge foar de úterste neidielige ynfloed fan inkele “driuwers” op “gemoedlike” minsken, wêrby de godtsjinst mear saak is fan it hert dan fan it opklearre ferstân. Yn in partikulier adres makket hy oan de Kening syn soarch kenber oer útwreiding fan de Ôfskieding en freget dêryn dizze tsjerken NET as wettich te erkennen. Hy stie yn preekjen en pastoaraat yn de “âld liberale” tradysje, dy ’t harren letter bewust iepenstelde foar de “nije Grinzer rjochting”. Hy wie it net iens mei de Bilt-rinten op it lân en tekene dêr protest tsjinoan. Yn in ekstrakt út it Privilege Hôf fan Fryslân fan 1814 wurdt hy “trouwelijk en ongefaarlijk“ neamd. Ds. van der Tuuk hie trije bern, t. w. twa dochters en in soan. De iene dochter t. w. Johanna wie troud mei Aart Klaases Aartsma en de oare doch-ter Reina Ebelina mei Jan Sybe ’s Sevenster (***, boer te Menaam, (Harren soan Gerhard van der Tuuk Sevenster wie letter dûmny yn Skingen en troud mei Aafke Sijne ’s van der Goot, de dochter fan de minniste dûmny fan BERLTSUM. Gerhard v.d. Tuuk-Sevenster hat mei Wopke Doekeles Osinga de earste stien lein fan de nije yn 1838 boude pastorije te Menaam. (Tsjerkfâden dêr wienen doe Wopke Sjoerds Osinga, Frans Andries Gerbens en Jan Sijbes Sevenster.) It neiteam gie fierder mei de efternamme Van der Tuuk Sevenster. Soan Hidde Seines van der Goot troude op 2-5-1853 te Bloksyl mei in Aaltje Buisman.

Fuotnoaten:

(* Sa waard yn 1801 ris fanwege it Nut yn de Marsumer tsjerke in eksamen hâlden fan skoal-bern yn it staverjen, skriuwen, lêzen, godtsjinst en sedekunde.

De soan, mr. Harmannus van der Tuuk, dy ’t abbekaet wie by de Rjochtbank fan earste oanliz te Ljouwert, wie boaske mei in dochter fan Poope Franzen Wynia, ôfkomstich fan Blije en sûnt 21-1-1799 boer yn it KLEASTER - ANJUM op de pleats (wenhûs) dy ’t no noch op de hoeke fan de Kleasterdyk en de âlde Menamerdyk stiet. De pleats is yn 1840 boud. Dizze pleats is yn 1842 yn 25 perselen ferkocht. Poope (Poppe, Popke Franzen, berne yn 1752) hat wierskynlik yn 1811 de efternamme fan syn (** frou Hiske Melis Wynia oannommen. (De Wynia’s komme oarspronklik fan de “Winia-State”, of ek wol “Great-Winia” neamd, ûnder Nes (W. D.) o. d. Nijkerksterweg 14). It houlik tusken Harmannus en syn frou hat net lang duorre, want nei twa jier al is Harmannes nei in koarte sykte stoarn. Syn widdo hie 9 moanne dêrfoar him noch in soantsje mei de namme Gerhard skonken, dy ’t letter wol troud west hat mar gjin bern neilitten hat. Gerhard wie letter boer te Hegebeintum. Syn widdo lit op 7- 4-1892 buolguod hâlde fan libbene have en boere-ark. Harmannus wenne yn de Buorren op 31, A. 612 en 613 (dus net op A 659 fan syn heit, de eardere bakkerswinkel û. o. fan van J. A. van der Meij, G. en H. Jellema en no de lapkewinkel fan Jacob Haagsma) neist húsnûmer 29 wêr ’t de famyljes Jan Wytse (Sije ’s) Beetstra (Jan en Hiskje), letter wenjend op Buorren nûmer 1 en Gerke Sjoerds Hoogstra wenne hawwe en wêr ’t no de soan Beert Gerke ’s Hoogstra wennet. De widdo fan Hermannus is letter op 23- 9-1847 opnij troud mei in Willem Tjerk ’s Koning te Koarnjum. It hûs yn de Buorren húsnûmer 29 is earst ferhierd oan Jan Marten ’s Klaver en letter yn 1865 ferkocht wurden oan Douwe Theunis.sn Runia foar fl. 2000,- en is al hiel âld. Theunis Jans Runia, troud mei Sibbeltje Kornelis Peterzon, de pake en beppe fan de yn BERLTSUM doe wolbekende Leendert Pieters Runia (1842 - 1919), hat fan deselde Gerhard H. van der Tuuk in jier letter ek noch perselen lân oankocht foar fl. 6500,- Yn 1832 wenne hjir op Buorren húsnûmer 29 de famylje Eeltje Douwes Schiphof. It binne dus ek al twa hiele âlde wenten yn de Buorren.

(Eeltje Douwes Schiphof hie op 12-3-1807 20 ypen stambeammen oan de stêd Harns levere foar 15 car. gûnen. De troch him levere 185 beammen foar op it stedbolwurk waarden troch de stedshôfker dêr gehiel ôfkard. De ôfkarde beammen bleauwen der mar lizzen en waarden dêrnei hieltiten op fersyk mar net troch him weromhelle. “Hy hield zich ongehouden en ongenegen”.)

It is jammer, dat in protte âlde huzen yn de Buorren al ôfbrutsen binne. It hat wat en jout útstrieling oan in âld doarp as BERLTSUM. It hûs moat, as it kin, bewarre wurde foar it doarp en it neislachte. It binne huzen mei in ferhaal. In oar âld hûs oan de Buorren (no It Skil húsnûmer 12) is it pleatske (hûs, lytshûs, skuorre en hiem) wêr ’t Boubedriuw van Dokkumburg no yn sit. It waard ein 18e ieu bewenne troch boer Arjen Corneliz. van Dussen op 4-3-1813 troud mei Martzen Rintjes. (Syn widdo Martzen Rintjes hie letter in winkeltsje) Nei 1800 wenne hjir de bouboer Rinse Anske ’s de Groot en oant 1858 Klaas Rinses de Groot. Hy seach út op it âlde poartegebou en herberch “Het Wapen van Vriesland”. Letter hat hjir oant 1954 in weinmakkerij (fan Sipke Zagema) yn sitten en dêrfoar oant 1911 ta in J. de Groot. Op ‘e skuorrenaald stiet no noch as oantinken in heawein as wynwizer.

Fuotnoat:

(** Hiske Melis Wynia, berne op 19-11-1768 te Nes (W. D.) en ferstoarn op 23- 2-1842 te BERLT-SUM troude op 29-8-1790 te Blije mei Pope Fransen, berne te Blije yn 1765 en ferstoarn op 5- 3-1808 te BERLTSUM. Hy wie de soan fan Frans Popes en Trijntje Hanses, boer op Kad. BERLIKUM A 26 etc. Hiske har heit Melis Klases Wynia wie troud mei Ytje Hartmans, de dochter fan Hart -man Annes en Hiske Jorrit ’s Wijmstra. (lêstneamde is in fier sibbelid fan my. W. H. P.) Yn 1795 wie Hiske har heit Melis Klases Wynia folkrepresentant yn it Comité Revolutionaire (it Frânske substitút foar it Gritenijbestjoer):

....... ....... nadat de leden van het Grietenijgericht te Ternaard door een comité uit het Comité Revolutionair van hun posten zijn ontslagen en als volksrepresentanten zijn beëdigd: P.(ieter) A.(be ’s) Hiddema / Holwerd, Pieter Heringa / Nes, MELIS WIJNIA / Nes, JAN CORNELISzn. POSTHUMUS (in soan fan ien fan myn foarpakes, boer op “Ekema”) / Ternaard, Pieter Klaases / Waaksens, ijlen de burgers van Holwerd naar hun woonplaats terug, hijschen de nationale vlag, verzamelen zich in de kerk, lezen en zingen met de levendigsten aandoeningen in maatzang Ps. 66: 15 en Ps. 37: 18 en 15 en richten dan Vrijheidsboomen op”.

Fuotnoat:

(*** Klaas Ynzes Flietstra, berne op 21-6-1786 te Ingelum (stoarn te Blessum om 1878 hinne) fûn in nije koarnmûne út. De earste demonstraasje fûn plak by J. Sevenster te Menaam.

NEEF & NICHT

It kaam destiids in protte foar dat yn boeresibben neven en nichten meiinoar trouden. Sa bliuwen de eigendommen yn de sibbe. De eigendommen wienen yn it foarste plak de buorkerijen en it dêrby hearrende lân. Buorkerijen hienen yn dy tiid stimrjocht! Hoe mear buor- kerijen yn ien famylje, hoe mear ynfloed (neist de ealju) men hie yn de boargerlike gemeente. (en yn de tsjerke). Sa wie ek de dochter Maaike Melis Wynia troud mei harren neef Dirk Hartman.

Ek wie Melis Klazes Wynia, ien fan dy grutte boeren wenjende tusken Nes en Nijtsjerk yn Westdongeradiel, goed bedield mei meardere goedbetelle baantsjes as Dykgraaf, Wethâlder fan ‘e gemeente en de soarch foar widdowen en wezen binnen de gemeente. Syn broer Bote Klazes Wynia, wenne mei syn tredde frou Adriaantje Tabes op de pleats “Oenema” oan de wei nei Hantumhúzen. Adriaantje wie noch jong, wêrtroch hja better passe soe by Bote, syn jongste soan. Dat hiene dy twa dan ek besletten nei it ferstjerren fan Bote syn heit. Dan bliuw de erfenis byinoar. Hja trouden op 1-8-1779 yn it âlde Romaanske tsjerkje yn Wierum. SA GIE IT NIJTSJE yn dy tiid troch it doarp: “Boate Wynia is mei ‘syn mem’ troud”.

NOCH EAT OER DE SANEAMDE “FOLKSÛNTWIKKELING”. (OPFIEDING.)

Yn de begjintiid (sûnt 1809) dat dûmny van der Tuuk yn BERLTSUM stie makke de oerheid fan it Keninkryk fan de Feriene Nederlannen yn it jier 1815 in programma foar de universitêre oplieding foar dûmnys. Ynteressant dêryn wie de regeling dat oansteande foargongers in oantal jierren yngeand ûnderwiis krigen yn alderlei fakken dy ‘t wichtich wienen foar de boargerlike maatskippij lykas ekonomy, rjochten, medisinen en lânboukunde. Yn de twadde fase pas fan harren stúdzje krigen hja te meitsjen mei typyske teologyske fakken. Kleardernôch ferwachtte de oerheid fan de dûmnys dat hja neist harren eigenlike wurk in bydrage leverje soenen oan de maatskiplike opbou. (It “NUT” wie dêryn dus al in foarrinner fan west) Dat wie foar de maat-skippij gjin oerstallige lúkse. Want de minsken krigen yn de 19e ieu yn tanimmende mjitte te krijen mei feroarings op alderlei terreinen. In protte dûmnys waarden neist harren prekersamt yndie maatskiplik aktyf. Tink mar ris oan de bekende Ottho Gerhard Heldring (1804 - 1876). Yn de twadde helte fan de 19e ieu gie it foaral om konkrete foarsjennings foar de soarch en it wurk en spilen dûmnys ek in rol by it ûntstean fan politike partijen en maatskiplike organisaas- jes. Dan tink ik oan Ferdinand Domela Nieuwenhuis (1846 - 1919). Hy briek mei de Lútherske tsjerke en wije syn libben oan de sosjalistyske arbeidersbeweging. Yn die tiid libbe ek Johannes Cornelis Sikkel (1855 - 1920) dy ‘t yn Hilaard (EN EK YN BERLTSUM) in grutte rol spile by de doleânsje, mar ek syn stipe ferliende oan de iere Kristlike fakbeweging en it inisjatyf naam ta it oprjochtsjen fan in sanatoarium foar T. B. C. pasjinten. (Sonnevanck.) En wat te tinken fan BERLTSUMER dûmny Van Eyck van Heslinga (C. H. U.), de Haulerwykse dûmny Jan Rudolph Slotemaker de Bruine (C. H. U.) en de ek tige bekende (Herfoarme *) dûmnys Aritius Sybrandus Talma (A. R.) en de yn Makkum berne Willem Banning (S.D.A.P. / P.v.d.A.). Dûmnys wurken oan it ein fan de 19 ieu yn in alhiel oare maatskippij dan harren kollega ‘s yn it begjin fan de 19e ieu. Nederlân wie in lân wurden mei maatskiplike spanningen mar ek mei grutte groepen maat-skiplik belútsen boargers dy ‘t harren eigen ûnderwiis begûn wienen te oarganisearjen, harren eigen politike partijen, fakbeweging en sels wentebouferienings. It bysûndere oan dizze ûntwikkelings wie it ûntstean fan de ferpyldering wêrby eltse libbensskôgings groep harren eigen maatskiplike organisaasjes kenden. Ek de oerheid begûn harren aktiver op te stellen. Nei de Twadde Wrâldoarloch bemuoide de oerheid harren hieltyd aktiever en mear mei de maatskippij. Sosjale wetjouwing behoeve net mear ôftwongen te wurden mar kaam tenein al polderjend ta stân. It wie net sa nedich mear dat partikulieren as bgl. dûmny’s foarsjennings ta stân brochten lykas in Heldring en in protte oaren. Harren belútsenheid jilde no lykwols ek oare téma ’s dan dy fan de Nederlânske maatskippij. In foarbyld fan harren is dûmny Krijn Strijd (1909 - 1983) dy ‘t yn syn earste Herfoarme gemeente, yn Blije, keas foar prinsipieel pacifisme. (P. S. P.) Dûmny Leendert Baan fan Oentsjerk, frijsinnich, hoewol berne út ortodokse âlders, Herfoarme dumny west yn ûndermear Bitgum en Boksum – Blessum, keas foar it anti–militarisme. Hy beloane yn de finzenis. De BERLTSUMER Minniste dûmny dr. Hendrik Bernardus Kossen wie tsjin it pleatsen fan Amearikaanske krúsraketten yn Nederlân en West–Jeropa. Hy wegere in part fan syn belêsting te beteljen en in part fan syn ynboel waard dêrop ûnder syn fuotten wei ferkocht. Boeiend is ek de biografy fan Koos Koster (1936 -1982). Koster woeks as ien fan tolve bern op yn Sint Anne, wêr ‘t syn heit Grifformeard dûmny wie. Koos Koster studearre yn Kampen teology, mar stapte oer nei de media. Hy prebearre de wrâld te ferbet -terjen troch syn sjoernalistyke wurk. Hy en syn filmploeg waarden fermoarde yn El Salvador by it meitsjen fan in reportaazje foar de I. K. O. N.

*) fuotnoat:

De A. R. Minister A. S. Talma (1864-1916) liet op 9-12-1913 de Âlderdomsrinte foar arbeiders yngean. Tusken 1910 en 1913 lôge de striid oer de ‘Talma-wetten’ foar ferplichte sosjale fersekeringen heech op. Is de sosjale sekerheid in oerheidstaak? Of biedt de frije merke en woldiedigens foldwaande garânsje foar sosjale steun? Dit debat hie him al tritich jier trochslepe yn Nederlân as ien fan ‘e hjitte hingizers. Krekt as de sosjalistyske mannen Troelstra en Domela Nieuwenhuis kaam de jonge Herfoarme dûmny Talma út Fryslân. Hy wie berne út in woltierige patrisiërs sibbe yn Ingwierrum en Dokkum en wie tige oandien troch de earmoede en sosjale efterstân fan ‘e arbeiders dy ’t hy oantrof yn syn earste tsjerklike gemeenten Heinenoord en Vlissingen. De famylje Talma behearde ta de “bettere kringen” en besiet in protte fêstguod. Yn 1811 kaam Jacobus Nicolaas Talma as nûmer 26 foar op de list fan rykste ynwenners fan Fryslân. Heit Pybo Sjoerds wie lânsabbekaat en fiskaal generaal fan Fryslân. Soan Aritius Sybrandus, de pake fan de minister wêr’t hy nei ferneamd is, wie griffier by it kantongerjocht en fredesgerjocht dy’t 32 jier âld, troude mei de 15 jierrige Elisabeth Geertruit Charlotte von Eichsdorff. Har heit wie majoar en wie lid fan de Rie fan Dokkum. Aritius Sybrandus Talma wie fan 1908 oant 1913 minister yn it A. R. Kabinet Heemskerk foar Lânbou, Hannel en Yndustry mei ek de portefeuille arbeiderswetjouwing. (Sosjale Saken bestie noch net) In stream fan arbei -derswetten kamen dernei los.

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 17-5-1833.

HEDEN avond omstreeks vijf ure verloste gelukkig van eenen Zoon, A. P. Winia, geliefde Echtgenoot van Mr. H. van der Tuuk.

BERLIKUM, den 12 Mei 1833.

Deze tot kennisgeving aan Vrienden en Bekenden.

-----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 21-2-1834.

HEDEN overleed, na een kortstondige ziekte, in den ouderdom van 32 jaren, mijn dierbare Echtgenoot Mr. Harmannus van der Tuuk, Advocaat bij de Regtbank van eersten aanleg te Leeuwarden. Een zoontje, nu 9 maanden oud, is mij uit ons tweejarig huwelijk overgebleven. Bitter valt mij, de ouderen en naastbestaanden des overledenen, dit verlies, doch wij wenschen ook in dezen, voor ons donkeren weg Gods, ootmoedig te berusten.

BERLIKUM, den 10 Februarij 1834.

A. P. Wijnia.

Wed. Mr. H. van der Tuuk.

-----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

DOMME of EARLIKE BERLTSUMERS?

In Poal, in Roemeen en twa Berltsumers wolle de grins oerstekke.

Hja sprekke ôf om ûnge-murken de grins oer te gean troch in hûn nei te dwaan.

Earst giet de Poal.

De oppasser by de grins heart risseljen yn de strûken en seit: “Wat hear ik dêr?”

De Poal docht fan woef- woef –woef en kin sa ûngemurken de grins oergean.

De Roemeen docht presys itselde en kin sa ek ûngemurken de grins oerstekke.

Dan komme de Berltsumers.

De oppasser heart wer wat risseljen yn de strûken en seit: “Wat is dit no wer? “

Roppe beide Berltsumers tagelyk: “Wy binne ek in hûn!”

Dit moat werklik bard wêze, welke Berltsumer hat it my destiids hast ek al wer ferteld?

Ien ding is wis, it wienen de Berltsumer hûnen Mink en Hendrik net.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 12-5-1882.

Hedenmorgen werd door den dood uit het midden van ons (* negental weggenomen onze beminde Zuster PIETJE Theunis RUNIA. Zij overleed na eene ziekte van slechts 6 dagen, in den ouderdom van ruim 74 ½ jaar, diep betreurd door ons allen, maar bovenal door mij, daar ik zoovele jaren met haar heb geleefd. Zij was mij een zoo getrouwe Zuster.

BERLIKUM, 2 Mei 1882.

Namens Zusters en Broeders,

Douwe Th. Runia.

Algemeene kennisgeving aan Vrienden en Bekenden.

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

(* Fuotnoat:

Dat wienen Trijntje (*1806), Pietje (*1807), Jan (*1810), Kornelis (*1811), Pieter (*1814), Tjeerd (*1816), Klaas (*1818), Douwe (*1822) en Sjoerd (*1824)

Trijntje wie boaske mei Dirk Feijes Stienstra, en guon fan myn foarâlden, en hja wennen oan it Hemmemaplein, wêr ’t no de yngong is fan Bar Dancing “Sans Souci”. Jan wie boaske mei Trijntje Tjeerds Runia, Kornelis mei Sytske Gerkes de Jong, Pieter mei Trijntje Leenderts van den Akker, Tjeerd mei Rigtje Martens Klaver, Klaas mei Trijntje Dirks de Jong en Sjoerd mei Antje Jacobus van Schepen.

Sjoerd, de jongste fan it njoggental, hie by syn berte op 14-6-1824, as de sânde soan fan Theunis Jans Runia en de yn 1779 berne Sibbeltje Kornelis Peterzon, as oantinken in bedrach fan fl.35,- skonken krige troch Kening Willem I. (Dit stie yn De Standaard (A. R. P) fan 8-10-1880.

De nammen Trijntje, Kornelis, Tjeerd en Douwe en Sjoerd komme, foar sa fier it my noch heucht, fan de Peterzon side en Pietje, Pieter en Klaas fan de Runia side. (Sibbeltje Kornelis Peterzon har suster Willemke Kornelis Peterzon wie troud mei Bauke Baukes Post.)

L. C. 12-7-1850.

Na een langdurige sukkeling overleed heden morgen ten 8 ½ ure, mijne hartelijk geliefde Vrouw TRIJNTJE LEENDERTS van den AKKER, in den ouderdom van bijna 35 jaren, waarvan ik 8 ½ jaar met haar in het genoeglijkste leven mogt smaken. Zacht was haar lijden en sterven; hopende dat zij de betere gewesten is ingegaan. De goede God die haar tot zich riep, sterke mij in dezen.

BERLIKUM, den 10 Julij 1850.

Pieter Theunis Runia.

L. C. 10-12-1847.

De Notaris T. Alma, te Menaldum, zal op Maandag den 13 December 1847 ten 5 ure na den middag, in de Herberg bij Jan M. Anema, te Berlikum, provisioneel en op dan te bepalen tijd en plaats, finaal, presenteren te verkoopen:

1. Eene nette en in de laatste jaren veel verbeterde Huizinge no 49, met erf, staande en gelegen in de Buren te BERLIKUM, door Mej. Wed. den Heer Mr. Van der Tuuk bewoond geweest, bekend bij het Kadaster Gemeente BERLIKUM, Sectie A. no ’s 612 en 613, te zamen ter grootte van 2 roeden 10 el.

2. Eene Huizinge met stalling, bleek en erf, staande en gelegen achter het vorige perceel, bekend bij het Kadaster Kad. Gem. BERLIKUM sectie A. nummer 614, ter grootte van 2 roede 20 el.

Beide deze percelen te aanvaarden dadelijk na de toewijzing.

L. C. 17-10-1986.

BERLTSUMER Buorren kin wer besjen lije.

Buorren Berltsum

(foto: Wietske Doldersum (- Tempel) in de deuropening van haar ‘wurkwinkel’ aan de Buorren húsnûmer 60 in BERLIKUM.)

L. C. 4-5-2010.

Vernieuwde traditie.

(Fjouwer (nije) huzen oan de âlde Buorren fan BERLTSUM, tagelyk boud mei “Berlinga State”.)

L. C. 21-10-1836.

De notaris T. Alma te Menaldum, en de Griffier J. Stinstra, te Franeker, zullen op Zaturdag den 29 October 1836 by Finale toewijzing in de Herberg van M.(arten) R.(uurd ’s) Oosterhof te BERLIKUM des n. m. ten een ure in 27 percelen veilen: Een heerlijke en allergunstigst gelegen Zathe en Landen met huis en schuur, no. 6, groot nagenoeg 32½ bunder, voor de helft bouwland en voor de wederhelft weiland, en nog 3 stukken bouwland en weiland tezamen groot ruim 3 bunder, en eene nieuwe gebouwde huizinge en stalling, aan de Schapedijk, alles bij elkander gelegen in het KLOOSTER - ANJUM, by BERLIKUM aan de rijdweg naar Franeker, by de erven Jan Rientse ’s Terpstra in gebruik. St. Petri en Mei 1837 te aanvaarden; breeder in het Biljet om-schreven. Zijnde op deze Zathe in perceelen geboden fl. 25.904,75. En op het Dijkhuis fl. 651, -

L. C. 27-9-1822.

MARSSUM, den 12 September 1822.

Heden werd door het Departement Marssum der Maatschappij: Tot Nut van ’t Algemeen, in de Kerk te deze plaatse, deszelfs vijf en twintig jarig bestaan gevierd. Des morgens 11 ure nam de plechtigheid eenen aanvang etc. .... etc. .... Een grote schare genoodigden traden in trein de kerk binnen, etc. .... etc. .... Middelwijl betrad de Wel Eerw. Zeer Geleerde Heer ds. G. van der Tuuk, predikant te BERLIKUM, den predikstoel, en sprak ene doeltreffende rede uit over de “Volks–verlichting”, in welke hij zich met der beantwoording de 3 volgende belangrijke vragen bezig hield:

1. Wat is ware volksverlichting?

2. Is zoodanige verlichting heilzaam?

3. Is zij het doel en de vrucht der Maatschappij tot Nut van ‘t Algemeen?

(Dûmny van der Tuuk wie lid fan dit Departement Marssum. In orkest fierde dêr yn Marsum in symfony út en ek dûmny W. van der Leij fan Skingen hâlde dêr in rede. Hij wie letter ek fan de Grinzer rjochting dy’t fanôf 1831 ûntstien is yn ‘e Herfoarme teology mei as ien fan harren doelen eksplisyt de befolking te beskaafjen. In protte fan harren setten harren yn foar it ferbetterjen fan it ûnderwiis en de earmesoarch. )

L. C. 18-11-1836.

Verkooping Van Boeken.

COMPENDIUM of kort begrip van het Handboek voor Hervormde Predikanten en Kerkeraads-leden houdende zakelijk al de Wetten en Verordeningen op de inrigting en het bestuur der Ned. Hervormde Kerk sedert 1813 tot 1834; verzameld en geordend door Gerhard v. d. Tuuk, Predikant te BERLIKUM. In katoen karton. Prijs fl. 4.75

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 2- 12-1845.

Familieberichten

HEDEN overleed alhier, in den ouderdom van 72 jaren, na een langzaam verval van krachten, onze geliefde Vader en Behuwdvader, de Hoog Eerwaarde Zeer Geleerde Heer GERHARD van der TUUK, in leven Ridder van de Orde van den Nederlanschen Leeuw en Predikant bij de Hervorm-de Gemeente te BERLIKUM. Het Evangelie der zaligheid, hetwelk de overledene gedurende eene reeks van 51 jaren, van 36 in deze gemeente, verkondigde als de beste bron van troost in elke droefheid, troost ook ons allen, die hem in zijn werkzaam en nuttig leven gekend hebben, in eere zal worden gehouden.

BERLIKUM, den 29 November 1845.

A. K. Aartsma,

J. Aartsma - geb. van der Tuuk,

J. S. Sevenster,

R. E. Sevenster - geb. Van der Tuuk,

A. P. Wijnia, wed. H. Van der Tuuk.

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 24-3-1876.

Familieberichten

Na een langdurige ongesteldheid overleed heden ten onzen huize, KLAAS KORNELIS van DUSSEN in den ouderdom van 30 jaren. Vijftien jaren lang was hij bij ons inwonende, en met zijn enige zuster betreuren wij zijn afsterven.

BERLIKUM, den 13 Maart 1876.

S.(joerd) T.(jeerd ’s) Peterzon.

(De van Dussen’s komme fan it Bilt en oarspronklik út Dussen, in doarpke lizzende oan it lyknammige rivierke yn it Lân fan Altena op de grins fan Súd-Hollân en N-Brabân. Ek de van Gelders komme út dizze omkriten.)

L. C. 28-5-1914.

Kerk en School, benoemingen enz.

Benoemd tot opzichter bij de Maatschappij tot Exploitatie van de Limburgse steenkolenmijnen de heer L. A. van der Meij te BERLIKUM.

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

IN SNOADE BERLTSUMER.

Siet in Berltsumer oan it Berltsumer Wiid mei hammer en knyptange de wetterkant bylâns.

As in foarbygeande Doanjumer him freget wat hy dêr docht, seit hy: “Ik fiskje”.

De Doanjumer: “Hoe bedoele jo, ik fiskje, sa kinne jo dochs neat fange?”

De Berltsumer andere: “Foar in tientsje fertel ik jo hoe ik dat doch”.

De Doanjumer waard nijsgjirrich en betelle in tientsje.

De Berltsumer wer: “Nou, ik wachtsje as der in fisk oankomt, pak ‘m tusken de tange en sla him dan mei de hammer op syn kop”,

sa leit de Berltsumer fisker út.

De Doanjumer: “Mar sa fange jo dochs nea wat? “

De Berltsumer: “Oh jawol, in tientsje of fjouwer op in middei”.


---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------