DE HEMMEMA POARTE

OF

D’ AUMALE POARTE

De lêste Hemmema, t. w. Doeke van Hemmema, ferstoarn yn 1727, wie boaske mei Civile Susanne Du Tour, de widdo fan Jacques de Greve fan Aumale. Út dit houlik binne gjin bern fuort kommen. De widdo wie erfgenamt fan al it ûnreplik guod en de ynboel wurden en dus ek fan it Hemmema slot. De earste Du Tour dy ’t ús lân ynkommen is, wie in David du Tour, Hear fan Pomerode, kaptein yn tsjinst fan de Republyk en letter kommandant fan Rhenen. De beppe fan syn mem wie in Margarita Venier, út de ferneamde adlike Venétsjiaanske sibbe Venier, dy ’t neffens oerlevering fan Romeinske oarsprong wêze soe, en dy soe sels wêr sprute wêze út de eardere Romeinske keizer Aurelius. Syn soan Marc du Tour wie ealman fan Frederik Hendrik, keamerhear fan Willem II. en dêrnei riedshear fan de sûvereine hôvingen fan Brabân. Hy troude mei Sara l‘ Empereur d’ Oppijk, de ienichtsberne dochter fan l‘ Empereur d‘ Oppijk, Hear fan Havines en Malarets. Syn soan David Constantijn du Tour wie Rieds- en rekkenmaster fan de Domeinen yn Fryslân en waard ferskate jierren nei de Steaten Generaal kommitearre. Hy wie yn Sint Anne boaske mei Albertina van Tamminga. Hy is ferstoarn op 8-12- 1727, 70 jier âld, oan in kwinende boarstsykte en syn wiif yn 1731. Beide binne yn BERLTSUM begroeven. De âldste fan de 14 bern út dit houlik wie de mem fan de ús bekende Onno Zwier van Haren. (1713 - 1779). De ienichtstberne soan út it earste houlik fan Civile mei Carel Duco, Greve fan Aumale, wie no wer fan syn mem erfgenamt wurden. As wy dûmny Nota leauwe meie, hat hy in protte dien om it âlde Hemmema slot wer yn âlde gloarje op te meitsjen. Hy moat ek tige bemind en sjoen west ha by de ynwenners fan BERLTSUM. Dit troch syn útstykjend karakter en útblinkende deugden. Dûmny moat it wer fan hiel âlde Berltsumers heard ha en by oerlevering. Carel Duco is yn 1746 ferstoarn oan de gefolgen fan in ferwûning yn in kriich. Omdat syn bern doedestiids noch lyts wienen, is Hemmema in jier letter ferkocht. De nije eigner liet it hûs ôfbrekke en de túnen en grûnen ynrjochtsje as griente, koal en kokentún en as boulânnen. Syn bern binne letter oeral hinne gien, mar ien bliuw hjir yn de omkriten wenjen. It wie Sophia Elisabeth, grevinne fan d’ Aumale dy ’t letter op 19- 3-1758 boaske wie mei Georg Frederik baron Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dy ’t wenne hat op “Great Terhorne” tusken Bitgum en Bitgummole en dy ‘t letter Grytman fan MENAMERADIEL wurden is. Fandêr dat de iene Berltsumer it no noch hat oer de “Hemmema poarte” en de oare Berltsumer wer sprekt fan de “d’ Aumale poarte”. Yn en om BERLTSUM hinne hawwe mear ferneamde adlike famyljes op stinsen wenne, lykas de Bonga ’s, Adeelen, de Grovestinsen, de Heerma ’s en de Burmania ’s.

EASTERWÂL. (Eijsinga State)

Op it N. W. fan BERLTSUM hat flak foar WIERSYL oan de Berltsumerkant yn it Moddergat yn it ferline de Staate Eijsinga stien. (earder Aesterfal, Easterwâl (Oosterwal) neamd) Wannear en hwa ’t de Staate boud hat is net bekend. Neidat de Staate ôfbrutsen wie is oan de oare kant fan Wiersyl (en no dus net mear ûnder BERLTSUM mar yn it doarp WIER lizzend) de pleats Easterwâl boud, no bewenne as wenpleats troch Thom en Annie Dijkstra - Zijlstra. (Wie it foarhinne in fersterke stins (krekt as Hemmema yn BERLTSUM) om de yngong fan WIERsyl behearskje te kinnen ?) Yn 1640 wie Grytman Jhr. Tjalling van Eysinga de eigner fan Easterwâl en no en dan hjirfan de bewenner. It waard dan wolris ek wol, mei men oannimme, “Eysinga Staate” neamd. Dizze Eysinga wie ek de eigner fan it “Popta Slot” yn Marsum, earder “Heringa State” neamd. Om 1700 hinne is in widdo Bruinsveld eigneres fan de pleats dy ’t dan 47 pm. grut is. Se is de widdo fan de “schout bij nagt ter zee” Bruinsveld. Yn 1832 wie de widdo van Wop Douwes Schat de eigner fan de pleats. De pleats waard letter ek wol de “Evertspleats” neamd omdat in Evert Siderius hjir de hierder fan west hat. De pleats is yn 1873 troch heabroei ôfbrând en is dêrnei alhielwer op boud en yn it jier dêrop yn 1874 ferkocht.

Skelte Liauckema moat yn 1191 ek in stins tusken BERLTSUM en Minnertsgea stifte hawwe tsjin de Noarmannen. (De lettere stins Easterwâl (?) by Wiersyl te WIER oan de Berltsumer kant?) Sjoch: Zorgen voor zekerheid. Studie over Friese testamenten in de 15de en 16de eeuw o/d redaktie van J. A. Mol) Yn in charter fan 1533 wurdt de Wiersyl “ Oostarwallinghe zijl” neamd.

Yn de hypotetyske genealogy fan de âldste generaasjes Van Sminia, gearstald troch Mr. D. P. de Vries, komme wy in Jisk (of Eesk) Siercksdr. Aesterfal (ek wol Donia neamd) tsjin, stoarn yn 1586, dochter fan Syrck (Sjirk) Scheltes Aesterfal (of Aestervalgh) (stoarn 1572) en Jel (Tiebbe Duckesz. van Donia (stoarn 1566). Easterwal (earder Bonga/Roorda) leit tusken BERLTSUM en WIER.

WAPENbeschrijving Graaf Jacob Paulus van Aumale (d’Aumale):

In zilver een schuinbalk van keel, beladen met 3 bezanten van goud; dekkleden: zilver en keel; een helmkroon van vijf bladeren; helmteken: een adelaar van sabel, uitkomend.

Georg Frederik bar. Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg boaske op 19- 3-1758 mei Jkvr. Sophia Elisabeth gravinne van Aumale, wêrby brulloftsfersen ferskind binne fan H. J. Arntzen, J. Pierson en E. S. van Burmania, alles by Coulon.



(Foto: Wapen Jacob Paulus van Aumale)

L. C. 29-5-1923.

De AUMALE POARTE.

De wereld in rep en roer........ In de grote bladen zelfs maakt men zich druk over de verdwijnende Aumale poort. Het lijkt wel of men den voorstelling heeft van een poort. Dit is niet het geval. De Aumale poort is de naam van een oudachtig gebouw, dat in de loop der jaren is veranderd en verbouwd. Het cijfer in de muur geeft 1734 aan. Er zal wel iets van het gebouw uit dien tijd afkomstig zijn. Ongeveer drie jaar geleden stelde Heemschut al geen belang in het gebouw en dezer dagen heeft een deskundige van het museum te Leeuwarden alleen enige waarde toegekend aan het gedenksteentje in den muur. Overigens is het gebouw geschikt voor afbraak. Het zou echter zeker wel op prijs gesteld worden als de eigenaar den voorgevel liet restaureren. BERLIKUM hield dan een aandenken aan zijn vroegere grootheid en de familie Hemmema.

BERLIKUM, 28 Mei 1923.

T.(jisse) Westra, brievenbesteller.

Op Google. Sjoch ek: De “HEMMEMA STATE” bij BEETGUM (op de terp “Bessum”).

De State stie flak ûnder Bitgum, mar behearde ûnder it doarp Menaam in pear kilometer fierder op. De beammerige mei it paad dêrom hinne is no noch te sjen oan de rjochter kant fan ‘e dyk as jo mei de auto rjochting Marsum ride.