MARSMA SATHE

(ek wol “Maersma” neamd en letter oankocht troch de Menamer weinmakker Wybe Heeres dy’t op 11-6-1654 te Froubuorren troud wie mei Aechie Ariëns).

“Marsma sathe” behearde eartiids ta de saneamde KLEASTERPLEATSEN. (lizzende yn de doe sa- neamde Mearsmen, > Marseame, > Meseame) Nei de Reformaasje is hiel wat kleasterbesit yn hannen kommen fan de Fryske Steaten wêrûnder dizze pleats. Letter hawwe de Fryske Steaten, om ‘t hja jild nedich hienen, de pleats yn 1775 wer ferkocht en wol oan de yn Bitgum wen-jende Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg. De pleats stie op de (hûs)terp foaroer wêr ’t no de WETTERTÚN is en is yn de twadde helte fan de 19e ieu ôfbrútsen. It wie in saneam-de “stim” hawwende pleats (mei 2 stimmen). Dizze Baron hat hiel wat pleatsen opkocht en ek hiel wat stimhawwende huzen (ek foaral yn ‘e Buorren) yn BERLTSUM binne yn syn besit kommen. (BERLTSUM hie doe yn totaal sa ’n 42 stimmen en WIER 10 ) Wat mear stimmen wat mear macht, en wa ’t de measte stimmen hie, dy koe ek noch Grytman wurde. De pleats wie 57 pm. grut en de hierder wie in Heere Wybes (1640). ( Besibbe oan Heere Sjoerd ‘s van Dokkumburg, op 4 -12-1785 boaske mei Grietje Durks, dizze wenne letter oant 1798 ta tsjinoer herberch (* “Het Wapen van Gelderland”, hy is de soan fan Sjoerd Pieter ‘s van Dokkenburg (Dokkumburg)) dy ’t hjir yn BERLTSUM as Minniste dûmny stien hat fan 1728 oant 1731 ta. De Berltsumer van Dokkumburg ‘s (Heere, Herre, Wiebe) stamme fan dizze Minniste dûmny ôf. Der foaroer de herberch hat ek noch wenne Arjen Cornelis (van Dussen) dy ’t op 23- 4-1786 yn Bitgum boaske wie mei Rinske Rinses, beide ôfkomstich fan St. Anne. Op 30- 4-1842 ferkeapet van Schwartzenberg de pleats wer en is dan omskreaun as : hûs, hoarnleger, hiem en singel, beplante mei beamen, “De âlde pôle” neamd. Hierder is dan Harmen Rienk ’s Osinga en oaren.

It âlde Skilwolde oan de Jetske reed

Op ien fan myn deistige kuierkes rûn ik wer ris by dit terpke lâns en liet it sa yn my omgean, soe it net moai wêze as op dit hiel âlde (hûs)terpke wer ris in (wen)pleatske komt te stean mei dyselde alhiel âlde namme? Klaas Joh. Zijlstra hat dit in pear jier ferlyn ek dien op it plak wêr ’t de pleats stien hat mei de ek alhiel âlde namme “Schellingwou” (“Skilwolde”). Gerlof Klazes (1772-1843), troud mei Rebecca Sjoerds Boomsma (1783-1839), in soan fan ien fan syn foarâlden ek mei de namme Klaas, t. w. Klaas Klases Osinga (1748-1824), troud mei Lolckje Gerlofs Baarda (1748), hat hjir ek op “Skilwolde” wenne. Sa kinne dy âlde (hûs)terpkes wer ris bewenne wurde, hichten dy ’t krekt hjirfoar destiids opsmiten binne. Yn 1640 wie in Claes Jan Schellingwoud cum suis eigner fan de pleats en de brûker in Lieuwe Arriëns mei syn mem. Yn 1700 wie Tiepke Seerps Gratema de eigner en as brûker in sekere Bocke Eelses.

De foarkar giet no út nei “dorpsynwreiding” yn stee fan dorpsútwreiding. It liket my sa ta, dat dit terpke dêr no krekt binnen falle kin. Âlde pleats- en hûsnammen as “Heerma”, ”it Heechhiem”, “Biltsicht”, “de Fontein”, “It âld Tichelwurk”, “It Heechhûs”, “de Ramshoarn”, “It Blaauw(e)hûs”, “It Metalen Krús”, “It Zwart Kruis” ensfh. soenen wer op de no noch besteande huzen of op de no wer te stiftsjen húzen of wenpleatskes op dy hichten oanjûn wurde kinne. Sa bliuwe dy âlde hûs- en pleatsnammen bewarre. It buordsje mei de namme “Rounom Sinne” wat earder op de muorre siet fan it hûs Hôfsleane húsnûmer 64 is no te finen yn Dokkum yn de Woudhorne húsnûmer 33 op it hûs fan dûmny Pieter Beintema, troud mei Jetske (Pieter ‘s) Quarré, in dochter fan de eardere bewenner fan it hûs Hôfsleane nû. 64. (Pieter en Jetske hawwe ek yn Yndoneesje wenne wer ’t Pieter doe as sindingsdûmny wurksum wie.)

Yn it hûs mei de namme “It Zwart Kruis” hat Horatius Lautenbach wenne, de Berltsumer beurtskipper. Hy wie boaske mei Maartje Klases. Hja binne de heit en mem fan û. o. Tryntje Lautenbach dy ’t letter boaske wie mei Jan Theunissen Runia. It pear wie troud op 16- 5-1779 yn de houten needtsjerke dy ’t op it tsjerkhôf stien hat omdat de Koepeltsjerke noch yn oanbouw wie. Lêstneamden binne û. o. èk myn Berltsumer foarâlden. (De namme Horatius komt dêrtroch ek yn de Schiphof, v. d. Schaaf, Runia, Postma etc. etc. famyljes foar as “Raad”, “Harry” etc.)

Fuotnoat:

(* De namme is wierskynlik ûntliend oan de spreuk: “Het glas in de hand, was het Wapen van Gelderland”. In stien mei in Swart Krús dêrop hie as byleauwen dat it beskerme tsjin waarljocht.)

L. C. 6-5-1842.

Mr. C. Wiersma, notaris te Leeuwarden, zal ingevolge regterlijke autorisatie op Zaterdag den 7 Mei 1842 des namiddags ten 5 ure ten huize van A. L. van der Meij te BERLIKUM, finaal verkoopen: ....... ........ perc. 4 Eene Huizinge en Erve, gekwoteerd no. 151 met Tuin, ruim Hornleger en dito Singel, beplant met Boomen, “de Oude Polle” genaamd (is “Marsma Sathe”), alles staande en gelegen onder BERLIKUM, Kadastraal bekend Sectie A no’s 948 en 949, gr 45 roede 40 el; waarop geboden is fl. 655,-. Alle perceelen den 12 Mei 1842 vrij te aanvaarden.

L. C. 27-1-1787.

Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, zal op Maandag den 5 February 1787 ‘s nade-middags om één uur praecys, by de Finale Palmslag ten huize van Siek Baarda, Castelein te BERLICUM, publicq by Strijkgeld Verkoopen: Een deftige en welbetimmerde Huizinge (‘t Zwart Kruis genaamd), staande en gelegen te BERLICUM, voorzien van een ruim Voorhuis, Schrijfkamerke, 2 groote Voorkamers, yders twee Bedsteeden, onder dezelve een ruimen Kelder, een Zolder over de geheele Huizinge, voorts een Afdak, Put en Regenwatersbak, sampt Hovinge cum annexis, belast met 2 Car. Gls. ‘s jaarlykse Grondpagt aan de buiten Armen van BERLICUM te betalen; thans door Maatje (Maartje) Klases, Wed. Hor.(atius) Lautenbach cum socius als eigenaarsche bewoond, en 12 May 1781 vry van Huringe, waar op geboden is 340 g. gls. 7 strs.

HORATIUS LAUTENBACH.

Horatius syn heit wie de Herfoarme dûmny fan WIER. Ek syn pake en oerpake wienen dûmny. Hy is op 5-11-1699 berne te WIER en (fan fierren) besibbe oan Horatius Hiddema van Knijff de bewenner fan de Lauta Stins te WIER. Nei it ferstjerren fan syn heit is syn mem yn 1718 mei de bern yn BERLTSUM kommen te wenjen. Horatius is hjir fearskipper wurden op de stêd Ljouwert. (nei alle gedachten mei syn swager Sybren Klazes) Hy wie earst yn 1727 boaske mei Tryntsje Jurjens en yn twadde boask yn 1739 mei Maartje Klazes, dy ’t in stik jonger wie dan Horatius. By beide froulju krige hy yn totaal 10 bern, wer ’t de Berltsumer Lautenbachs fan ôfstamme, en guon, no mei oare efternammen lykas ik. Myn fiere foarbeppe Trijntje Horatius Lautenbach wie op 16-5-1779 troud mei Jan Theunissen Runia. It tsjerklik houlik fûn plak yn de needtsjerke dy ’t op it Berltsumer tsjerkhôf stie. De Koepeltsjerke wie noch yn oanbou.

Jan Theunissen syn heit, Theunis Jansen, hierde om 1700 hinne de pleats neist de eardere “Lauta State” te WIER. Godschalk Knijf wie doe de eigner fan dizze pleats, 84 pm grut. Yn 1640 wie Hiddema, doe de eigner fan Lauta State, ek de eigner fan dizze pleats. Van Knijf hat letter de namme Hiddema foar syn sibbenamme foege. It waard Godschalk Hiddema van Knijf. Van Knijf is fan fierens oan de Lautenbachs en ek oan my besibbe. De van Knijfs komme oarspronklik fan de stêd Útert. De pleats neist de eardere “Lauta State wie om 1832 hinne, lyk as it neist de eardere “Lauta State” binnen de grêften steande hûs, yn eigendom fan mr. Ulrich Herman Huber Wielinga, in rjochter út Ljouwert, troud mei Anskjen Dois Vegelin van Claerbergen, letter wenjend op “Dekema State” te Koarnjum.

STIMHAWWENDE HUZEN.

Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg hie yn BERLTSUM û. o. in stim op de huzen Krússtrjitte húsnûmer 1, yn de Buorren op de húsnûmers 17, 42, 51, 66, 83 en 100, yn de Lytsebuorren op in hûs destiids steande op it perseel foarhinne it Gemeentlik Earmhûs (no “Berlinga State”), en op “Marsma”, de no ôfbrutsene pleats op it terpke tsjinoer de Wettertún, twa stimmen.

L. C. 7-7-2001.

Zijlstra Metaal neemt failliet Langhout over.

L. C. 6-5-2006.

GROTE ORDER voor K. W. B. BERLIKUM voor brouwerij.

(K. W. B. Konstruktie Werken BERLIKUM.)

BERLIKUM – K. W. B. is bezig met de grootste opdracht uit zijn bestaan. Verdeeld over het jaar levert K. W. B. 36 automatische laad– en lossystemen voor vrachtwagens aan de bierbrouwerij in Zoeterwoude. Er is meer dan 1 millioen euro mee gemoeid, zegt Bernard Renzema van het bedrijf in BERLIKUM waar 15 mensen werken. Hij mag de naam van de Brouwerij niet noemen, maar het kan alleen Heineken zijn. etc. ..... ..... Het systeem is ooit afgeleid van dat in wagens waardoor boeren uitrijden over het land. Maar het is aanzienlijk doorontwikkeld. Sinds 1989 is het verreweg het belangrijkste product van K. W. B. Vanuit BERLIKUM zijn er al cocargo-systemen geleverd aan Friesland Foods, Fuji, Kappa, Bayer, Coca-Cola en Philip Morris. Tot in Israël, Turkije en Saoedi-Arabië zijn ze te vinden.

L. C. 19-8-1775.

Lands Advocaat Dr. P. Talma, als expres geautoriseerde van Hun Ed. Mog. de Heeren Gedeputeerde Staten van Friesland, zal op Saturdag den 19 en 26 Augustus 1775 telkens te één uur na Noen, ten huize van Gerben Sickes in ’t Wagentje (* te Leeuwarden bij Verhoging en Finale Palmslag in 10 percelen verkopen: Zekere heerlijke Zathe en Landen (** onder BERLIKUM, begerechtigd met TWEE STEMMEN, “Marsma Zathe” genaamd, groot 57 pondematen, by Heere Sjoerds gebruikt, als mede 4 pondematen onder Engelum etc. alles Petry en May 1776 vrij van Huuringe, breder by Billetten.

Fuotnoat:

(* “It Wagentje” hat de namme te tankjen oan de postweinen dy ‘t fan hjir fuortriden.

(** De pleats bestiet net mear, de hústerp - as beskerme monumint - is noch te sjen tsjinoer de Wettertún. Baron van Schwartzenbergh thoe Hohenlansberg hat de stimhawwende pleats kocht, en sa ek in protte stimhawwende huzen û. o. yn de BERLTSUMER Buorren om oan safolle mooglik stimmen te kommen. Wat mear stimmen, wat mear macht en sizzenskip yn de doarpen en de Gritenijen, sa wie dat doedestiids.

As ik de kaart fan 1832 goed besjoch koe der ek wolris, foardat de Ljouwerterfeart groeven is, in ferbining tusken de eardere tsjerkepleats “Longerhou” en de eardere kleasterpleats “Marsma” bestien hawwe en letter miskien noch troch de wei fan in heechhout?

L. C. 20-11-1846.

Op 30-11-1846. Publieke Verkoop van de Sathe en Landen “MEERSWAL” onder Menaldum. Kad. Beetgum D. 125 etc. etc. gr. 19 bunder 38 roeden en 72 el. Verkoop in 14 percelen. In huur bij de mede eigenaar Dirk Haring ’s MEERSTRA. Haring Gosse ’s Meerstra (soan fan Gosse Haring ‘s, troud mei Antje Klaase ‘s de Jong) wie ek al bouboer te Menaam. Kad. BERLIKUM A 49 etc. .... ....

L. C. 8-9-2009.

GELD SPEELT EEN TE GROTE ROL IN NOTARIAAT.

Notaris Mr. Tjeerd Koelmans fan BERLTSUM oan it wurd. Kwaliteit moat foarop stean.

(foto: Lofts foaroan notaris Mr. Tjeerd Koelmans yn aksje.)