It BERLTSUMER FOLKSLIET is skreaun troch de eartiids oan de Berltsumer Kristlike lânbouhúshâldskoalle stien hawwende learaar, master Tjebbe Hoogstins. It wie in man mei grut talint op kultureel gebiet. Hy hat ek in protte mearkes skreaun dy ’t troch de learlingen fan de húshâldskoalle hjir opfierd binne mei muzyk en sang. Jûnen oanien waard it opfierd en de minsken (foaral de âlders) kamen fan fier en hein. It wie mei ien wurd: Geweldich.
It Berltsumer liet wurdt no noch altyd songen by de iepening fan it Berltsumer, om de trije jier te hâlden doarpsfeest sa om de âlde keninginnedei hinne. (31 augustus) It giet sa: Earst wurdt troch de beide muzykkorpsen it Wilhelmus spile, dan it Frysk folksliet en dêrnei it Berltsumer liet. Yn dy folchoarder wurdt dan de Nederlânske, de Fryske en de Berltsumer flagge (mei it St. Johanneslaam en krús) hyst oan ien fan de trije flaggepeallen dy ‘t op it parkearterrein by it sportkompleks “de Koekoek” steane. Earder waarden de Berltsumer doarpsfeesten altyd iepene op it Skil.
Hjir folget de tekst fan it:
BERLTSUMER LIET
Foar folle ieuwen groune
oan de útgong fan de see.
Troch kriich noch tiid tobritsen
stiet op syn âlde sté.
------------------
De tolfde stêd fan Fryslân
de pronk fan ’t Westergea
De tolfde stêd fan Fryslân
de pronk fan ’t Westergea
------------------
Al is de see bitwongen
en it rjocht fan stêd net bleaun.
Nou stiet yn tún en fjilden
in nije gloarje skreaun.
------------------
De grientetún fan Fryslân
de pronk fan ’t Westergea.
De grientetún fan Fryslân
de pronk fan ’t Westergea.
------------------
Út wyn en weagen bêrne
nea tobûke, nea forslein.
Hâld BERLTSUM troch de tiiden
syn âlde steat oerein.
-------------------
De tolfde stêd fan Fryslân
de pronk fan ’t Westergea.
De tolfde stêd fan Fryslân
de pronk fan ’t Westergea.
(Yn'e skets "Ynboargeringskursus" fan de Berltsumer nijjiersrevu fan 2003 is dit liet ek songen. Yn dizze skets moasten de nije túnkers dy't út Hollân wei kommen binne, dit liet sjonge as part fan harren ynboargering. It fragmint is hjir del te laden.)
BERLTSUMER DOARPSFEESTEN 1961
Tjebbe Hoogstins fûn fan alles út by de Berltsumer doarpsfeesten. De Ljouwerter Krante fan 13-7-1961 hjir oer: NOORMANNEN weer op het Bildt. BERLIKUM bracht geroofde leeuw in Sint Annaparochie terug.
DE SKIEDNIS FAN BERLTSUM,
begjint mei it âlde stedsje ÚTGONG oan de Middelsee (Wetter-útgong: fan wetterstream de Riedstream nei de Boarnstream, Van der Aa 1839 - 1851) en wurdt sûnt it jier 606 al yn de kroniken neamd. Ûnderskate skiednisskriuwers sprekke fan grêfsarken út de 10e ieu, fûn yn fundaminten te Britsum wêr ‘t earder it kastiel de Britsenboarch stie. Hjir soe op stien hawwe: Hotze Joulsma was ick gehieten. De Vriesen mogten my genieten. UITGONG was door my geraseerd (ferneatige). En ganschelyk gedistrueerd (ferwoastige). Omdat ick met hulp van harer hand. De Noorman zoo dikwyls verdreef, met schand. Ick was de laatste van myn geslacht. Ziet waartoe de dood my heeft gebracht. (993). (Britzanus Joulsma Defensor Frisiae obiit anno 993, 3 februarii.) (ÚTGONG skynt ek twaris troch de Noarmannen ferwoastige te wêzen, krekt foar it jier 1000, de lêste kear yn 1191, yn 1170 teheistere troch in ferskriklike wetterfloed en dêrnei wurdt it jier 1181 neamd, wêryn it wenplak Útgong nei in grutte n. w. stoarm en in dyktrochbraak yn datsel- de jier 1181 op 27 desimber ek noch troch brân fernield waard wêrby neist 19 húzen ek de Waach yn flammen opgie, mar it Stedhus bewarre bliuwe koe en dêrnei nea wer ta oansjen kommen is. It binne moaie ferhalen mar ek fol fantasy, tink ik.)
As by de lêste oanfal de Wytsingen (Vikingen) de Lauwers bylâns Fryslân binnenfalle (de kearels fan Erik VI. út Denemarken) fanwegen in skeel mei de Friezen, wurde hja lykwols mei efterlitten fan sa ‘n 900 deaden en in grutte bút weromdreaun nei harren flugge skippen, drakaars neamd. De Friezen beskrieme in ferlies fan sirka 400 man, wêrûnder de njoggende potintaat fan Fryslân, Reijner Haijes Camminga. Dit hat harren wierskynlik wjerhâlden om hjir werom te kommen. De Friezen hiene ûnderwilen oan beide siden by de yngong fan de Middelsee ek twa stinsen boud as beskerming tsjin de Wytsingen.
...............................................................................
L. C. 13-12-1838
Iets over BERLIKUM en UITGONG ( Vervolg ) Tot de oudere Friesche steden welke thans, of geheel niet, of niet meer als zodanig bestaan, behoort ook BERLIKUM, thans nog een aanzienlijk dorp in de Grietenij MENALDUMADEEL. Oudtijds lag BERLIKUM, hoewel op de tegenwoordige plaats, aan de Middelzee, die tusschen Oostergo en Westergo van het noorden inliep, en tenminste, tot voorbij Bolsward indrong, welke zee van tijd tot tijd aangeslijkt, en in land veranderd is. Alzoo hier tijdens het bestaan der Middelzee, eene aanzienlijke haven met eene sluis of zijl, zoo ter ontlasting van het overtollige binnenwater, als ook voor de scheepvaart was, werd een gedeelte van deze plaats ook UITGONG genoemd, als waar men eene uitgang of uitvaart naar zee had; zoo men wil, was de plaats, waar de sluis was, juist ter zelve stad, waar heden nog de Kruisstraat is, of om meer juist te spreken waren BERLIKUM en UITGONG twee afzonderlijk, hoewel zeer nabij elkander gelegen plaatsen, zijnde de scheiding thans nog aan het steenen pijpje, omstreeks het midden der lange Kerkbuurt bij de oud haven kenbaar; wordende het oostelijk deel UITGONG en het westelijke BERLIKUM genoemd. Al in de 15e eeuw waren BERLIKUM en UITGONG, wat de burgelijke belangen van bedrijf, nering en handel aanbelangt, reeds geheel vereenigd, doch in het kerkelijke nog eenigermate onderscheiden, gelijk ook de namen steeds nog beide in gebruik waren. De tijd der stichting dezer plaatsen is zeer onbekend, doch dagteekent zeer vroeg etc. ........ ........ In 1478 sloten de inwoners van Franeker ter eene, en die van BERLIKUM en UITGONG ter andere zijde, een verbond, waarbij wederzijds vrije koophandel en onbelemmerde scheepvaart, ontheffing van tollen, wal en bruggelden, tevens goedrecht aan elkander beloofd werd. Duister blijft het, wat van BERLIKUM en UITGONG als afzonderlijke plaatsen te denke hebbe, en in hoeverre verscheiden of vereenigd. In het kerkelijke schijnen dezelve of geheel vereenigd of naauw verwant geweest te zijn, wordende als standplaats van de pastoors wel eens bij afwisseling BERLIKUM en ook UITGONG genoemd. Ook zijn de bewijzen zeer weinig afdoende voor het bestaan van afzonderlijke kerken in beide die plaatsen. Echter schijnt UITGONG de meest gebruikelijke naam te zijn geweest tot dat het als zeestad nog bestond, en na de afneming der stad, heeft de naam BERLIKUM alleen de overhand behouden en die van UITGONG verdween allengs. In 1478 had men nog wel onderscheid van namen en plaatsen, doch waren de burgelijke betrekkingen reeds geheel vereenigd. Onder de edele Staten, die hier weleer bestonden, telt men vooal Eijzinga, Adelen (*, die familie te Sexbierum afkomstig, en Hemmema. In 1572 heeft BERLIKUM veel van het Spaansche krijgsvolk geleden. Sommige van deze benden hadden nu en dan hunne legerplaats te BERLIKUM of in het nabij liggende KLOOSTER - ANJUM, steeds rondom roof, moord en plundering aanrigdende.
H. W. Steenstra
te Dongjum.
HARING WIEGERS STEENSTRA
Skoalmaster Haring Wiegers Steenstra wie yn 1799 te Easterbierrum berne as ienige soan fan de timmerman Wieger Harings Steenstra en Ymkje Cornelisdr. Hy wie yn 1832 troud mei Hendrikje Pieters Kamstra, de tsjinstfaam fan ‘e Doanjumer dûmny, en wie earst timmerfeint by syn heit en waard letter yn 1822 skoalmaster (ûndermaster/ twadde rang ) te Doanjum, en dêrnei yn it earstoan en letter fêst as opfolger fan de yn 1830 ferstoarne skoalmaster/oargelist Gerlof Hessels Steinfort. Haring Wiegers Steenstra wie mear, sa blyk, (amateur) histoarikus as skoalmaster. De skoalopsjenners wienen altyd net allike tefreden oer him as skoalmaster sa blykt út harren raporten. De skoalmaster wie tenauwste ferbûn mei de tsjerke en hoewol ’t yn 1795 en by de skoalwetten fan 1801, 1803 en 1806 tsjerke en skoalle offisjeel skieden waarden en it ûnderwiis ta in steatssaak makken, bleau de relaasje tusken dizze twa noch lang bestean. Dêrtroch wie de skoalmaster neist ûnderwizer ek faak oargelist, skriuwer fan de tsjerkerie, koster of kloklieder. Haring Wiegers Steenstra wie de earste STREEKSKIEDNIS skriuwer hjir yn Fryslân. Yn 1845 waard in (earfol) ûntslach oerienkomst tekene wêrby ’t hy fan syn pensjoenrjochten út de gritenijkas ôfsjen moast. Op de betingst dat hy foar 12-12-1845 de oan de skoalle ferbûne skoalwente ferlitte soe, krige hy yn totaal fl. 800,- mei. Dit betsjutte ek dat hy fan syn pensjoenrjochten ôfsjen soe. Op 12-12-1845 waard hy dus skoalmaster ôf. Op 5-6-1846 ferhúze hy mei syn frou en trije bern fan Doanjum nei Frjentsjer. Koart dêrop, op 27 oktober 1846, is hy, sa blykt út in emigraasjelist, nei Noard-Amearika emigrearre.
(Haring Wiegers Steenstra is gjin autoriteit en ek nea west op histoarysk mêd. Hy boude tefolle op net betroubere, fantasyrike skiednisskriuwers út de 16de ieu as bygelyks in Andreas Cornelis. Lêstneamde wie in Frysk oargelist, skiednisskriuwer en de útjouwer fan in Fryske Kronyk yn 1597 ûnder de titel: Croniicke ende waarachtige Beschryvinge van Vrieslant. Wy tinke dat wy sa’n nuchter folkje binne, mar hoe kin it dan dat de Fryske skiednisskriuwing ta de meast byinoar fantasearre fan Jeropa is?)
(* Fuotnoat:
Wer ’t de State “Adelen” stien hat is net bekend. De sibbe Adelen (Adeelen) is fanâlds ôfkomstich fan Seisbierrum. Guon skiedkundigen wolle wol hawwe, dat de stins stien hat op it plak “Heechhiem” tusken BERLTSUM en WIER en eartiids ek bekend west hat as “Asinga”. (> fan “Azyngha” / “Eysinga”? Yn 1695 wenne Sytse Klaesen tr. m. Jetsche Willems op it Heechhiem.)
DE BONGA STINS
Hjir moat om 1577 hinne ek in State BONGA stien ha of ek wol neamd BONGAHÛS. Dizze State kin op no it “Heechhiem” stien hawwe. It gebiet tusken de Baaskamp (de Bassecamp) en it Heechhiem waard om 1700 hinne ek wol as de “Bongahorne” (de Bongahoeke) oantsjutten. Dit gebiet foel tsjerklik ûnder BERLTSUM. De skieding troch de letter om 1300 hinne groeven Wiersterfeart (it Moddergat) wie der doe noch net sadat BERLTSUM fan folle tichterbij te berikken wie. (fia de Moddergatsreed fan no?) As hearskip en eigner fan Bonga State hjir destiids yn BERLTSUM wurdt in Schelte Roorda neamd, dy’t jong ferstoarn is. Paul Noomen tinkt dat de Bongastins (noch om 1511 hinne neamd) TEN SÚDWESTEN deunby de eardere Krústsjerke stien hat. (Schelte Roorda hie efter de pastorie (pastoershuys) dêr doe neffens de Beneficaalboeken van Friesland (1543) TEN WESTEN derfan finnelân yn besit. (Bongahoeke > Bûterhoeke ?) Neffens it Dootboek is hy stoarn op 21-6-1543 en begroeven yn BERLTSUM.)
(Obe Postma skriuwt hjiroer yn it boek Veld, huis en bedrijf, landbouwhistorie opstellen: “Opmerkelijk is nog, dat de boerderij bij Hooghiem, ten zuiden van het dorp, niet bij WIER maar bij BERLIKUM hoort. Hij heeft nummer 4 op het floreen register. Ook in het noorden zijn er percelen westelijk die van het Berlikumer Wijd, die bij BERLIKUM horen. De grens tussen beide dorpen is dus wel wat eigenaardig”. De bewenners yn 1735 fan it Heechhiem t. w. Jacob Piters fan WIER tr. m. Lolkje Lammerts, ôfk. fan BERLTSUM, de neikommelingen neamden harren Andringa- behearden by de Herf. tsjerke fan WIER. )
Yn 1405 draacht Hyllecke Liauckema te (Her)baijum de Lyowla stins en state mei 20 pm lân, (foar safier ‘t hy dêr diel oan hat) lizzende te Wytmarsum, oer oan Bawka, de dochter fan Dowa Bungha fan BERLTSUM. (Buma < Buwinga< Bung(h)ama< Bong(h)ema< Bon(h)ga< Bungha)
De stamheit fan de ROORDA ’s út ús omkriten is in Godefridus (Goffe) Refridessoan. Hy is berne yn it jier 789 en om 830 hinne boaske mei Ydt Magnusdochter Forteman fan Almenum (by Harns). Oer de FORTEMAN ’s is bgl. histoarje fermeld yn it boek: “De KERK van de FRIEZEN bij het GRAF van PETRUS” skreaun troch Mgr. Dr. M. P. M. (Tiny) Muskens, de siden 105, 211, 212, 214 en 215. Útjouwer Rome, Willibrordcentrum yn 1989) In neikommeling fan dizze Godefridus (Goffe) Refridussoan is in Haringh Sybren ‘s Roorda (berne yn 995 - stoarn yn 1042) troud mei Popck Thoe BONGAHUIS fan BERLTSUM (It Bilt). Harren pake en beppesizzer Goffe Ruurdt ‘s Roorda thoe BERLIKUM en SPANNUM (b. 1085 te BERLTSUM (It Bilt) – stn. 1141 te Spannum) wie troud mei in Claer Fredericksdochter Adelen (1090 - 1180). Ik nim oan dat dizze Goffe Ruurdt ‘s Roorda op Bongahûs berne is, mar it bliuwt natuerlik rieden fansels. In fiere neikommeling út dizze sibbe Roorda, t. w. Ruurd Roorda (Ruurd en Betsy) hat sûnt 1959 de earste bewenner fan ús hûs Mulseleane 27 west. Om noch efkes op Goffe Ruurdt ‘s Roorda werom te kommen. Hy gie twaris mei de Krústochten mei nei it Hillige Lân, t. w. yn 1096 en 1101. Hy holp Godfried fan Bouillon, Hartoch fan Lotharingen, mei it ynnimmen fan Jeruzalim op 15- 9-1099 en waard troch de Hartoch himmelheech priizge. Syn heit Haringh Sybren ‘s Roorda hat foar Keizer Hendrik III. striden yn Bohemen en Hongarije. It Wapen fan de sibbe Roorda is de EARN, wat tsjut op de bysûndere relaasje fan de Friezen mei de Keizer, de ryksûnmiddelberheid of de Fryske frijheid. De MOAREKOP dúdt nei alle gedachten op dielname fan in famyljelid oan in Krústocht. Yn 1511 wurdt in Schelte van Roorda neamd, earst wenjende te Tsjummearum en letter as hearskip te BERLTSUM, hjir stoarn op 21-6-1543 en hjir ek begroeven. In Ath Ruurds fan Roorda, ek út dizze sibbe (yn BERLTSUM stoarn en op 9-9-1615 en te BERLTSUM begroeven) wie op 9- 9-1567 troud mei Rienck (Regnerus) fan Hemmema (berne om 1547 hinne, ferstoarn en begroeven te Hitsum foar 1583) Hja is yn 1583 opnij troud mei Tading Seerp ‘s fan ADELEN. Foar de aerdichheid noch dit: Rienck (Regnerus) fan Hemmema, de Hitsumer heareboer, hat foaryn yn syn Rekkenboek (1569-1573), yn it Frysk, ek it ferstjerren fan syn neiste sibbeleden notearre. (Sytzama/Hiddema) rekkenmaster (stoarn op 14- 2-1624 en begroeven te BERLTSUM) en hja wennen op Hemmema state te BERLTSUM. Yn de quaclappen (1527-1591), ek wol roddelboeken neamd, kom ik hjir yn BERLTSUM ek de nammen tsjin fan in Cristoffel van Roorda (1565), in Schelte Roorda (1569) en in Swob Roorda, troud mei in Otte Hanya. (Der is ek noch in brief fan Douwe Hemmema oan syn broer Rienk (Regnerus) Hemmema te Hitsum bewarre bleaun.) Sjoch Genealogysk jierboek 1994 side 23 en fierder folgjend.
(T. S. van Adeelen: Sjoch it Latynske opskrift op it stientsje wat mitsele is yn de muorre fan it Herfoarmd Sintrum oan de tsjerkhôfsside, en wat sitten hat yn in eardere âlde skoalle dy ’t hjir op it tsjerkhôf stien hat.) In Schelte Goffes van Roorda, de soan fan Goffe Goffes Roorda (ca. 1440) en Ymck Fredericks dr. van Hommema (ca. 1440) troud mei Jel Heeres dr. van Hottinga, is op 21-6-1543 stoarn en hjir yn BERLTSUM begroeven. De Roorda’s (de Hommema’s, de Hottinga’s of de Bonga’s noch?) hawwe hjir fêst ek in grêfkelder yn BERLTSUM hân. Yn 1095 fielden de ealju Schelte en Gerben Laut(h)a út WIER harren lykas Lathien Ludinga ek roppen om it Hillige Lân fan de Turken te befrijen. Hja foegen harren by de grut master fan Rhodos. Gabe sneuvele dêr, mar Schelte Lauta en Lathien Ludinga waarden troch de Turken finzen nommen. Inkelde moannen letter wisselden de Turken harren út tsjin inkelde troch de grut master finzen nommen Turken. Beide freonen setten nei harren befrijing ôf en waarden út tankberens troch de Paus ûntfongen en mocht harren in grutte ear te barre. Dêrnei koenen hja op nei hûs ta reizgje.
BONGAHÛS - ASINGA? - IT HEECHHIEM?
Popck Bonga Thoe BONGAHUIS fan BELCKUM (plm. 1000 - ???) wie boaske mei Haringh Sybrens Roorda (plm. 995 - 1042). Hy wie de soan fan Sybren Ruurds Roorda (plm. 945 - 1029) en Hil Harings Heeringa TE ASINGA (plm. 965-???). Harren soan Ruurt Harings Roorda (plm. 1035 -???) wie om 1065 hinne boaske mei Ansch Johannama Syts Camstra (plm. 1042 - ???) Harren bern wienen Goffe Ruurds Roorda THOE BERLIKUM en Spannum (plm. 1080-1141) en Johan Ruurts Roorda Thoe Tsjummarum en Kubaard (plm. 1101 - plm. 1142). Goffe Ruurds Roorda THOE BERLIKUM en Spannum triek twaris nei it Hillige Lân , earst yn 1096 mei guon oare Fryske Eallju t. w. Tjipke Forteman, Jarich Ludigman, Eelcke en Sicke Liauckama, Obbe Hermana, Frede rick Botnia en Igo Galama. Hja kearden yn Fryslân werom, neidat hja Jeruzalim holpen hienen yn te nimmen foar Hartoch Godtfried fan Bouillon, dy’t ta kening fan dy stêd ferheven waard. (Godfried stiftte it Keninkryk Jeruzalim). Foar de twadde kear triek Goffe Ruurds Roorda THOE BERLIKUM en Spannum nei Jeruzalim, yn 1101, mei Homme Homminga, Sicke Cammingha en Tjalling Watzes Ockinga.
DE FRYSKE HEALE EARN
In protte wapens binne dield as: rjochts in heale swarte Fryske earn en lofts in merk, bygelyks ien of meardere klaverblêden etc. Dizze figuerkes hawwe betsjutting en sinfolle symboalen en binne net tafallich keazen. De earn is de saneamde Fryske earn, it symboal, dat yn in protte Fryske, Grinzer en East-Fryske wapens foarkomt en ûntliend binne oan it wapensymboal fan it Hillige Roomske (Dútske) Ryk, dat in swarte dûbelkoppige earn fierde, mei in reade tonge en in reade klau. De kleuren fan de tsjintwurdige Dútske flagge swart-read-goud binne ek oan dit âlde wapen ûntliend. De klaverblêden jilde algemien as in boeresymboal. Oer de betsjutting fan de klaverblêden wurdt ferskillend tocht.
RIENCK HEMMEMA fan HITSUM
Rienck Hemmema is yn de lânbouskiednis fan West-Jeropa wol de meast bekende (eigenierde) boer. Hy tanket syn namme oan ‘e lânbouhúshâlding dy ’t fan him oer de jierren 1571-1573 bewarre bleaun is. Dizze is tige detaillearre. It jout in goed ynsjoch hoe ’t it om en ta gie yn de lânbou yn dizze jierren. Hy hie in mingd bedriuw te Hitsum. De Wageningske heechlearaar Slicher van Bath seach der daliks de wearde fan yn. Rienck wie de soan fan de Berltsumer ealman Hette Hemmema en Barbara Gratinga. Rienck hie studearre te Leuven wêr ’t hy ynskreaun stie as ‘nobilis’. Fan memmeskant stamme hy ôf fan de sibbe te Hitzum, letter Gratinga hjitten, dy ’t dêr yn it gelikense doarp oer in ferdigenbere stins (castrum) beskikte. De Gratinga’s wienen lang net like grut yn oansjen as de Hemmema’s fan it woltierige BERLTSUM en bgl. as de Lauckema’s fan Seisbierrum. Yn 1511 besiet de sibbe dêr te Hitsum twa of leaver 3 kwa lizzing oanienslútende buorkerijen. Oant yn ‘e 17 ieu Gratinga hjitten. Rienck Hemmema wie dêr behalve boer ek lânjonker. Sjoch de pré-kadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640 diel 4 Frjentsjerteradiel en Frjentsjer foar de fierdere wiidweidiger skiednis hjir oer, de siden 17oant en mei 27. Út Rienck Hemmema’s skrift kin men opmeitsje hoe ’t in Frysk boerebedriuw oan it ein fan ‘e 16de ieu rund waard. Wichtiger is noch dat it boek sa ek sjen lit hoe ’t de Fryske lânbou yn de perioade foar 1650 as moderne, spesialisearre lânbou-ekonomy in fundamint wurde koe ûnder de 17de ieuske bloei fan de Fryske en Nederlânske kultuer dy ’t wy kenne as de ‘Goude Ieu’. Yn Fryslân bestienen der om 1500 hinne 10.000 (stimhawwende) buorkerijen. Yn 1793 waarden der 9942 boerebedriuwen teld. De ekononomyske goede tiden yn Fryslân yn dizze perioade, dy ’t harren bygelyks útere yn in ynoarme groei fan ‘e stêdsbefolking en in hieltiten lúkser konsumpsjepatroan, wie yn hege mjitte ôfhinklik fan ‘e lânbou. In min of mear gelikens oantal buorkerijen draaiden meiinoar dus in hieltyd hegere produksje. Tanksij Rienk Hemmema’s rekkenboek witte wy hoe dit mooglik wie. Al dizze boerebedriuwen stienen nammentlik net as lytse, foar in grut part selsfoarsjennende doarpse bedriuwkes los fan inoar, mar wienen yn hege mjitte rjochtte op ‘e stêden en op’e merke. Boeren wienen yn Fryslân ûndernimmers, merkerjochte boeren, gjin selsfoarsjenende keuters. Mei oare wurden, Rienck Hemmema ynvestearre yn syn bedriuw mei de bedoeling winst te meitsjen. Hy kocht bygelyks de dong fan ‘e Frjentsjerter stedsbewenners op om dêr syn lân fruchtberder mei de meitsjen. Oan de oare kant levere hy de stedsbewenners weet om bôle fan te bakken. Syn húshâlding, hysels en syn feinten iten sels leaver brea fan it folle goedkeapere rogge dat hy ynkocht. Dizze hâlding tekene de lânbou as gehiel. Hy kocht turf oan yn Ljouwert. Hy ferbetter ek syn pleats. Elts jier komt der in mannichte stien út BERLTSUM, dy’t Rienck troch syn heit skonken waard. Nei alle gedachten hie de âlde Hemmema ûnder syn besittingen ek in stien oen. Yn totaal hat Rienck Hemmema yn de fiif jierren fan it Rekkenboek sa’n 35.800 stien ûntfongen. Geandewei de 17e ieu begûnen stedsminsken en ek boeren de nij wûne rykdom hieltyd mear te besteegjen oan lúkse artikels dy ’t harren status befêstigen: gerdinen, tinnen buorden, klean, sieraden, meubels, boeken. Sa liet Rienck Hemmema bgl. yn 1572 foar twa goudgûnen en seis stuorren in Fryske kronyk skriuwe om dêr jûns nei it wurk yn lêze te kinnen. Yn syn rekkenboek makke hy tusken de bedriuwen troch gewach fan: ‘dong kocht’, ‘weet moutte litten’, ‘keal kealle’. (Sjoch Genealogysk jierboek 1994 side 23 en fierder.)
ROORDA STATE
GOOGLE: Familie Roorda – Roorda State, Uithuizermeeden. Wouter Roorda fan Ruurd en Betsy (Elisabeth) Roorda - Faber, wenne earder mei syn adopsjeâlders en suster Jeltje yn ús hûs Mulseleane húsnûmer 27 te BERLTSUM.
DE KERK van de FRIEZEN bij het graf van PETRUS.
De skriuwer fan dit boek, Mgr. dr. Martinus Petrus Maria (Tiny) Muskens, wie de njoggende biskop fan Breda en stie bekend as de “Reade biskop”. Hy waard op 23-7-1994 troch Paus Johannes Paulus II. beneamd as Biskop fan Breda. Syn wapenspreuk wie Shalom (Frede). Hy is Biskop fan Breda west oant 31-10-2007 ta. Muskens wie in foarstanner fan it gebrûk fan kondooms om aids te foarkommen en foar it ôfskaffen fan it selibaat foar preesters. Hy hie in sosjaal karakter wat ek wer dúdlik waard doe’t hy yn 1996 oprôp ta it stellen fan in stik brea as minsken honger hawwe en gjin oare mooglikheid sjogge om te oerlibjen. It is in moai stikje skiednis oer de sân Fryslannen (ek wol neamd de sân Fryske Seelannen, tink mar oan de sân pompeblêden) en ek oer de St. Michaël tsjerken, wêrfan BERLTSUM der ek ien hie. De âlde wynfaan op de toer wiist ek yn dy rjochting.
ÂLDE BERLTSUMER DOARPSNAMMEN
binne mei de skriuwwizen: Berlichem anno 1355, Berlecom 1376, Barlichem 1399, Berlikim 1470, Berltjum 1470, Berltzum (1511) Berlckum, Berlicum en yn it Biltsk/stêdsfrysk Belcom, Belkom, Belkum, Belcum, (1664-1787) en Belsum (lânfries 1701). Yn de19e ieu is de foarkar-stavering yn it Hollânsk BERLIKUM en yn it Frysk BERLTSUM. Nei alle gedachten is de namme ôflaat fan de sibbenamme BERLINGA (dat wer ôflaat is fan de persoansnamme BERLIO (lytse bear) en Heem (hiem(inge). Oaren ferwize dizze namme Berlio ta nei Berlicum N. Brabant.) It Noard-eastlik part fan it BERLTSUM fan hjoed de dei waard TUTINGEM of TUTINGIM neamd. Dizze namme soe ôflaat wêze fan de namme Tutinga (folk) en Heem (hiem). Dat soe dan letter wer ferbastere wêze ta ÚTGONG of UITGONG, omdat hjir in slûs (syl) lei dy ’t tagong joech ta de eardere Middelsee. It âldste neamen fan Útgong stiet anno 606. Nei –“inga” rekken letter foar en om 1500 hinne de –“um” nammen as tredde namfal foar hiem (heem) as útgongsfoarm yn de moade. (Krekt sa mei Dokkum: Dokkingaheem – Dokkum as hiem fan it Doeke(folk)). De Romeinen neamden BERLTSUM : Terminus marus Mediterani d.w.s. it plak lizzende yn it úterste fan de Middelsee.
(Boarne: Aardrijkskundig woordenboek fan Abraham Jacob van der Aa. 1839 1851.)
It Woordenboek der Nederlanden fan Abraham Jacob van der Aa (berne te Amsterdam op 6-12-1792 en stoarn te Gorinchem op 21-3-1857) is tusken 1839 en 1851 ferskynd yn 13 dielen. Van der Aa gie tige serieus te wurk. Sa beskikte hy oer in netwurk fan deskundige korrespondinten dy’t him fan ynformaasje foarseagen. Net ien minder as Wopke Eekhoff wie syn meiwurker foar Fryslân. Út ûnderfining hat bliken dien dat in protte histoaryske data ûntliend binne oan, dan wol sûnder der by nei te tinken, oerskreaun binne út De Tegenwoordige Staat van Friesland, dy’t rom 50 jier earder ferskynd wie. Om oan eventuele aktuele data de befolking en oare ûnderwerpen oangeande te kommen liet van de Aa alles troch de pleatslike boargemasters kontrolearje. In oare ferzy út it boek: Friese plaatsnamen van alle steden, dorpen en gehuchten fan Karel F. Gildemacher is: yn 1275 Tutengum, yn 1400 Tutynghim, yn ‘e 15 ieu fierder ek as Tuutghem, yn ‘e 16e ieu Toytkum en Tutingum, yn 1664 de farianten ‘Tuytkom en ‘t Uytkom, letter ferbastere ta Uitgang en Uitgong. Winsemius brûkt yn 1622 de Latynske namme Civitas Exiensis foar Stêd Útgong. Tuut of tuute soe ôflaat wêze kinne fan Tjitte wurdt der sein, mar dat fyn ik wol wat te fier socht, krekt as dit mei Berlinga ek it gefal is, mar wa bin ik. It is net mear nei te gean, tink ik.
Sa is it bytiden mei oare doarpen wol seker hoe ’t men oan de plaknamme kommen is. Nim no bygelyks It Hearrenfean. De skiednis fan It Hearrenfean begjint yn 1551, mei it oprjochtsjen fan de Schoterlandse Veencompagnie. Dat barde troch Pieter van Dekema, ien fan ‘e rikere grytmannen yn dy omjouwing. De feanlânskippen fol turf woenen hja ôfgrave, dat wie it ‘swarte goud’. Yn it westen wie it op. Der wie in protte jild nedich om de turf ôfgrave te kinnen. Om alles finansierje te kinnen socht Van Dekema stipe by twa “Hearen” út de omkriten fan Útert, t. w. in Jan van Cuyk en in Floris Foeyts. Doe gie it ek al om jild. Meiinoar foarmen hja de ‘Hearen fan it fean’, wêrmei meiien dúdlik is wêr’t de namme It Hearrenfean fuort komt. En no ek noch altyd mei de twa e’s, Heerenveen. Sa binne der yn ‘e wâldkriten fan de de sân eardere Fryslânnen no ek noch in protte doarpen nei dizze eardere tige ticht beboske wâlden neamd. Yn Fryslân: de Sânwâlden, Sigerswâld, Duerswâlde, Lúkswâld, Easterwâlde, Noardwâlde, Nijeholtwâlde, Âldeholtwâlde, Âldeholtpade, Nijeholtpade, Ferwâlde, Kolderwâlde, Wâldsein, Earnewâlde, Wâlterwâlde, Murmerwâld, Ikkerwâld, Damwâld, Suwâld, Feanwâlden, Lutkewâld. etc. .... .... Yn it Grinzerlân (de eardere Fryske Ommelannen) Westerwolde, Oostwold, Schilwolde, Zuid-wolde, Noordwolde, Garmerswolde, Kropswolde etc. .... .... Yn West-Fryslân (Noard-Hollân) Spaarnwoude, Zuid Scharwoude, Noord Scharwoude, Schellingwolde, Schellinkhout, Berkhout, Hoogwoud, Oostwoud, Westwoud etc. etc. Mar ek doarpsnammen eindigjende op -heide, -mar – sân en gaast. (geast, gast, d. w. s. heger lizzende (sân)grûn.) Dan binne der noch de (ein)nammen gea, goo, gouw (Henegouwen) gooi (Het Gooi). In sweach is fan komôf in greidegebiet by in doarp. Beetstersweach, Kollumersweach etc. Bert (âld Frysk/Saksysk) betsjut hûs of buurt: T’olde bert (Tolbert), it/de âlde hûs/buurt, Niebert (It/de nije hûs/buurt), Lettelbert (it/de lytse hûs/buurt), Luinjebert, Tjallebert etc ....... ........
DE KRÚSTOCHTEN.
De Friezen wienen grutte foarstanners fan de Krústochten en fanatike fjochters. In protte Friezen hawwe der dan ek oan meidien. Te tinken fâlt oan de sibben: Aylva, Beijma, Botnia, Cammingha, Burmania, Dekama, Forteman, Galama, Hartman, Hermana, Hettinga, Liauckema, Martena, Ockinga, Poptatus, Roorda en Watse Joulsma. Guon minsken út it neiteam fan de hjir boppe neamde sibben hawwe ek yn BERLTSUM wenne. Lêstneamde Watse Joulsma (om 1276 hinne) kin gjin ôfstameling wêze fan Hotze Joulsma (út it jier 998), destiids wenjende op kastiel Britseboarch te Britsum, want op syn grêfstien moat stien hawwe: “Hotze Joulsma om wien UYTGONG (BERLTSUM) door de Noormannen vernield werd, de LAATSTE was van zijn geslacht”. By de lêste (achtste) Krústocht gienen sels wol 50 koggeskippen mei Friezen fia Tunis nei it fort Akko yn Palestina ta.
LJOUWERT / BERLTSUM.
BERLTSUM wurdt yn 606 foar it earst yn de kroniken neamd. Yn in skinkingsakte tusken 700 800 is dit mei Ljouwert it gefal. It doarpke wurdt dan oandúd as “Villa Lintarwde”. Yn 1050 wurde troch de Greve fan Fryslân, Bruno III., hjir sulveren munten slein mei as opskrift: “Brun Liuvert”. Yn 1148 wurdt yn in brief fan in Abt út Corvey oan de Weser oan de leauwigen fan “Lienward” gewach makke fan de tsjerke fan Oldehove, dy ’t tawijd wie oan Sint Vitus. Yn 1149 fine wy it earste gewach meitsjen fan it bestean fan de tsjerke fan Nijehove. Yn 1150 ferriizd’ oan it ein fan de Foarstreek, as lêste fan de trije Parochy tsjerken, de tsjerke fan it buorskip HOEK, tawijd oan de Romeinske faam en martleres Sint Catharina. Om dyselde tiid hinne bouwe de Cammingha’s, “likernôch in kertier geans eastlik fan HOEK”, in fersterke troch grêften omrûne stins “Camminghaburg”. Ieuwen letter ûntstiet op dit plak it krúspunt fan de Camminghastrjitte en de Pasteurswei. (hjir yn dizze buert is ek it Cammingha > Cambuurstadion fêstige) Om 1240 hinne fêstigje de earste Dominikanen harren yn Nijehove – se wurde Jacobinen of Jacobijnen neamd en yn de folksmûle Bûnte Papen. Yn Ljouwert is no noch in Bonte Papensteeg. DE MIDDELSEE SLYKET TICHT. De EE en de FLIET sette harren as streamgeulen en slinken fuort. De betsjutting fan “LIENWARD” as seestêd giet ferlern. Yn 1285 wurdt yn in oorkonde “Lewart” neamd as ien fan de Hanzestêden troch de Noarddútske hannelsstêd Wismar. Krekt as Terminus mediterraneï > Civitas Exiënsis (Útgong) > BELCUM, > BERLIKUM > BERLTSUM sjogge wy in ûntwikkeling (hjir fan doarp nei stêd) mei hieltyd wer oare skriuwwizen fan de plaknamme. (1300 - Liwerd, > 1317 - luwardie, > 1318 - Livardia, > 1323 - Civitas Leovardensis > Leeuwarden > LJOUWERT.
Sjoch de L. C. fan 26-3-1833. MENGELWERK.
Over de oorspronkelijke ligging van den aanleg der Stad Leeuwarden aan de Middelzee.
WESTERGOO Om it ûnstean fan de bestjoerlike grinzen yn Fryslân goed del te setten, is earst in koarte skiednisles needsaaklik. Want oer welke bestjoerlike ienheden hawwe wy it dan? Doe’t de Frankyske kening de baas wie yn de Fryske kuststreek en dêr Gouwen ynrjochtte (Eastergoo, Westergoo en Súdergoo (Staveren) wêr’t de Greve it bewâld oer fierde, wie it de greeflike fertsjintwurdiger, of Skout, dy’t op de legere nivo’s de rjochtspraak oerseach. In wichtige en lukrative taak. Mei it ferdwinen fan it gesach fan de Greve of oare lânshear yn wat de Fryske Lânsgemeenten neamd waarden - neist de âlde Gouwen Oostergoo en Westergoo wiene der yn de 13de en 14de ieu Sânwâlden en in oantal lytsere bykommen – bleauw de needsaak fan in rjochts- en bestjoerssysteem bestean. Yn de measte “Dielen”, wêryn de Lânsgemeenten opdield wienen, ferskynde de funksje fan Grytman. In meastal jierliks út eigen kring keazen Haadling (ealman), dy’t binnen in fêststelde jurisdiksje de rjochtspraak oerseach, en ek ferantwurdlik wie foar it transport en de hannel yn syn rjochtsgebiet: de Gritenij. Foar in Grytman wie it - krekt as foar in Parochy – fan grut belang om per buorkerij fêst te stellen hoe grut syn grûngebiet wie. It gie by einslúten om frijwat ynkomsten. Dat in Gritenij korrespondearre mei it ôfbakenjen fan in samling Parochys, lit sjen dat dy âldere tsjerklike grinzen in bepalende rol spilen by de foarming fan Gritenijen. It dúdlikst is dat te werkennen yn de hjoeddeiske gemeentenamme Achtkarspelen, wat Acht Parochys betsjut. Ek doe’t der fanôf sirka 1500 wer sprake wie fan sintraal gesach en in Hôf fan Fryslân yn Ljouwert, bleauwen de Gritenijen en de Lânsdielen – yn de foarm fan trije Kwartieren – neist it Kwartier fan de stêden - bestean. Hja foarmen in yntegraal ûnderdiel fan de “steatsynrjochting”. De âlve stêden en de tritich gritenijen soenen oant 1795 it Fryske Gewest foarmje, mei de swierste stim foar de gritenijen. Dat de beslútfoarming net altyd like flot gie, blykt wol út ús sechje “op syn âlve en tritichts”.
DE MIDDELSEE.
Fanút de Middelsee rûnen SLINKEN (slinke ek wol geul, slinge, ril, rie(d), ryd, riid neamd of skreaun) skean nei ûnderen fan east nei west. De RIE(D) is sa ’n oarspronklike slinke dy ’t syn yngong hat by it hjoeddeiske BERLTSUM en nei it westen trochrûn oant Winaam ta. (Rillich lân: lân mei in protte slinken. Âlde geul: - smal wetter - ried, riid, ryd) Fargeul: soal. WESTERGOA wie in eilân en Boalsert lei op in súdlik dêrfan lyts eilânsje. It wetter streamde fia de MIDDELSEE ûnder Westergoa (go, goo, gea) troch nei de MARNE en sa wer nei iepen see. De slinken, eroazje geulen, dy ’t, foaral de jongste, Noard-east nei Súd-west oriïntearre binne. Dizze oriïntaasje hat te krijen mei it tij ferskil op de ferskate plakken de kust bylâns. Hoe mear nei it easten nammerste heger komt it wetter by heech tij, wat te krijen hat mei de lizzing fan de Noarddútske, Deenske en Skandinavyske kusten. Dat betsjut dat it wetter yn de Middelsee trochsnee heger kaam dan yn de Marne, dus streaming. Ien en oar is ek de reden dat de Rie(d) him foarme hat fanút de Middelsee kant nei syn einde yn Winaam. (In moai foarbyld is de JADE boezem op it Dútske Waad. It trajekt Wilhelmshafen nei Dangast.) Omdat it wetter rûnstreame koe (Middelsee/Marne) erodearren de streamgeulen boppemjittich. De bewenning op de kwelderwâl Winaam, Doanjum, Rie, BERLTSUM begûn om 100 nei Kristus hinne. Yn 6e en 7e ieu nei Kristus folge de kolonisaasje fan de kwelderwâllen op de line Seisbierrum – Tsjummearum – Minnertsgea. De terpdoarpen lizze yn groepen (rigen) op ‘e kwelderwallen. Tusken Doanjum en BERLTSUM leit it waadsân frij heech en de kwelder dêrboppe is licht: it slibgehalte berint liker- nôch sa ’n 20 prosint, sa hat út ûndersiik bliken dien. LJOUWERT, Stiens Hallum ets. leinen oan de eastkant fan de Middelsee yn EASTERGOA. Oer de eardere seeboaiem by Ljouwert, wêr ’t no it yndustrygebiet (de Zwette) is, rint de rûte fan de eastlike nei de westlike wâl. De Boksumerdaam is yn de 13e ieu oanlein om dizze see, dy ’t doe begûn te ferlânjen, yn te polderjen. De Middelsee of Boarndjip wie in midsieuske see earm yn de provinsje Fryslân. Se begûn beëasten fan Boalsert, bûge benoarden fan it hjoeddeiske Snits (- op in hegere sânige lântonge lizzend – Ter snake = op lântonge -) nei it noarden. Har “mûning” lei yn wat no IT BILT is, besúden it Boarndjip tusken it Amelân en Skylge. De beneaming “BORN-DJIP” ferwiist noch nei de oarsprong fan de Middelsee. Oare beneamingen foar de Middelsee binne “Bordine” en “Boarne”. De see earm ferwide de rin fan it rivierke de Boarne ta in see earm. Dit rivierke mûne doe by Raard (Rauwerd) yn de Middelsee. De Middelsee foarme in ferbining mei de Marne dy ’t fan Boalsert nei it westen rûn en in sydtakke wie fan it seegat it FLIE tusken Skylge en Flylân. De Middelsee foarme de skieding tusken Westergoa en Eastergoa. Om 1100 hinne waard de ferbining tusken de Marne en de Middelsee by Boalsert ferbrutsen. Hjirtroch begûn it tichtslykjen fan de Middelsee folle hurder. Foar 1200 wie it súdlike part fan de Middelsee al tichtslibbe. Ek it ûntstean fan de Súdersee befoardere it tichtslykjen. Tusken 1200 - 1300 slibbe de Middelsee oan it BILT ta ticht. Út dy tiid stamme de ferskate diken. Fan it westen nei it easten lizze: De Krinserearm fan 1240 tusken Raard en Easterwierrum, de Boksumerdaam fan om 1275 hinne tusken Boksum en Goutum en de Skrédyk tusken Bitgummole en Britsum fan rûn 1300. De gebieten dy ’t troch it tichtslykjen fan de Middelsee ûntstienen waarden de Nijlannen neamd. IT BILT ûntstie út it fierdere opslykjen fan it âlde Middelsee gebiet. It is “opbild” lân; “opbilje” is in âld wurd foar opslibjen. It gebiet fan Fryslân Bûtendyks is yn feite ek noch it opslykjen yn it streamgebiet fan de eardere Middelsee. Tusken Raard en Boalsert ûntstienen oan de súdkant fan de tichtslibbe Middelsee de Fryske Hempolders. Troch it midden fan de Middelseepolder fan Skearnegoutum oant de Boksumerdyk (daam) ta is de Sneekertrekvaart of Swette goeven. (swette: grins, oanswettend lân: oangrinsjend lân) Doarpen as Nijlân en Reahûs lizze yn it âlde Middelsee gebiet. Boalsert, Ljouwert, Raard, BERLTSUM etc. binne sa fan see lân stêden en doarpen wurden. Yn 1506 waard de Âldebiltdyk oanlein. Doe wienen al rom 60 boeren aktyf op de kwelders. De nammen fan dizze boeren steane op in list mei “dadingen” út 1506. Hjirmei kocht de Fryske oerheid harren rjochten op it lân ôf. De measte fan dizze boeren wennen yn MENAMERADIEL of Barradiel, mar ek inkelde Ljouwerters hienen in boerebedriuw op it Bilt. Der is in list publisearre yn it tydskrift Pro Memorie, in tydskrift foar rjochtsskiednis. It artikel giet oer de Biltske besiten rjochtsferhâldings foar it jier 1506. Oan bod komt û. o. wêrom it Bilt tegearre mei it Amelân yn lien útjown waard oan in Hollânske ealman yn 1398.
In oanfolling trochkrigen fan Jan Keizer út Sint Anne:
De Oudebildtdijk is aangelegd in het jaar 1505. Bronnen spreken van 1505-1508. Dit heeft te maken dat er na de aanleg in 1505 nog enkele aanpassingen zijn gedaan, zoals bijvoorbeeld sluizen, die in de boeken (als gemoeide kosten) werden vermeld. De dijk zelf is aangelegd voor het stormseizoen 1505 – 1506 en is aangelegd door 14 ‘homannen’ (een homan is een 100 man arbeiders). Iedere homan nam 1 kilometer dijkvak van de 14 kilometer lange dijk voor zijn rekening. De dijk is dus in secties aangelegd (men is niet aan één kant begonnen), dat had nl. te lang geduurd. Op deze manier kon men de dijk in één jaar bewerkstelligen. Het gravers en kruierswerk was min of meer op militaire leest geschoeid. De koppels kregen “soldij” en werden ingedeeld in “rotten” onder leiding van een meewerkend voorman of “rotmeester”. Als opzichter over de rotmeesters fungeerden de “homans” (kapiteins of koppelbazen). Van deze paramilitaire organisatievorm zijn in de latere waterstaatsgeschiedenis sporen gevonden. Werkdorpen waren de “dorpen” Wijngaarden, Altena en Kijfhoek, de latere parochiedorpen St. Jacobiparochie, St. Annaparochie en O.L. Vrouweparochie. Sjoch ek bydragen oer de skiednis fan de Middelsee fan bgl. in dûmny Petrus Brouwer P.sn út Blije /Hegebeintum en in protte oaren. Mar foaral de histoarikus Hartman Sannes moat hjir neamd wurde.
NASPORINGEN BETREKKELIJK DE GESCHIEDENIS DER VOORMALIGE MIDDELZEE IN FRIESLAND
Door P.(etrus) Brouwer P. zn. i. l. predikant te Blija en Hogebeintum en W.(opke) Eekhoff, met eene voorrede door Worp van Peijma, Broeder in de Orde van den Nederlandsche Leeuw en landbouwer te Ternaard. Te Leeuwarden, bij L. Schierbeek. 1834 (119 pag.) ........ reijen (reijden), pollen en slenken welke als een natuurlijk gevolg van de vroeger door de zeedijk uitstromende wateren in het ingeslijkte waren overgebleven. (tink oan de Oude Reijd, de Holle Reijd en de Blikfeart ensafuorthinne) en die deels tot vaarwaters verwijd zijn, deels nog in de lage landen (vooral benoorden BERLIKUM) sporen hunner afkomst hebben. ......... Er waren kloosters die als naastliggende eigenaren, zich reeds enige der aangespoelde landen hadden toegeëigend en ontgonnen. De zaak schijnt van zooveel belang geweest te zijn, dat de (volgens Martens landboek) in 1506 een afzonderlijke Landdag werd uitgeschreven, waarop vooral de aanspraken van de kloosters Mariëngaarde en Aanjum werden overwogen, welke handeling vooreerst geen gevolg had, daar zij in hun aangebodene schadevergoeding niet konden of wilden bewilligen. Kort daarna werd echter met de Abt van Lidlum en den Pater van Aanjum, volgens acte van den 9 Julij 1506, deswege eene overeenkomst getroffen, waarbij hunne aanspraken bevredigd werden. etc. ......... .........
----------------------------------------------------------
L. C. 31-3-1948.
BARRADEEL: Eens een Waddenlandschap. (Oer de grûnboarings dy ’t dien binne fanôf BERLTSUM nei de Slachtedyk.
EMO fan FRYSLÂN, ek wol neamd Emo fan Huizinge of Emo fan Bloemhôf.
Guon minsken tinke wolris dat der no mear reizge wurdt as eartiids. Mar yn it ferline waard der ek in protte reizge. Tink ris oan de fiere pelgrimsreizen nei it Hillige lân. De pelgrimaasjes (4500 km hinne en werom te foet) nei ROME. De Spaanske soldaten dy ’t hjir (te foet) hinne stjoerd waarden om de oarder werom te bringen. De tocht fan de Friezen yn it leger fan Napoleon (te foet) nei it fiere Ruslân ta. Der waard trochsnee op in dei sa ’n 30 à 40 kilometer te foet ôflein. In reis fanút Fryslân nei Rome ta en direkt werom duorre trochsnee sa ’n 200 dagen. Op it hynder gie it natuerlik folle hurder. Sa is Emo, de pastoar fan Huizinge út de eardere Fryske Ommelannen (it Grinzerlân) en letter muonts yn it Kleaster fan syn neef yn Wierum (Gr.), ris yn swier waar rekke mei de Biskop fan Münster. Hy koe net ferkropje dat de skinking fan de doarpstsjerke yn Jukwerd, oan in kleastermienskip, weromdraaid wurde koe troch de biskop fan Münster. Hy naam it beslút om yn berop te gean by de Paus. Op 9 novimber 1211 reizge hy te foet nei Rome ta, beselskippe troch in âlde freon, fia de abdij fan Premontré yn Noard-Frankryk. Tegearre stieken hja midden yn de winter (om de Krystdagen hinne) de Alpen oer. It binne dan rûzerige tiden yn Jeropa. Sliepe dienen se foaral yn kleasters fan de Norbertinen, Emo ’s eigen oarder. Hy komt op 19 jannewaris 12-12-1212 te Rome oan. Yn Rome stuit Emo op de sjerpigens fan de pauslike burokrasy fan Paus Innocentius III. Nei 50 dagen krige hy pas de brief wêr ’t hy foar kommen wie. Nei in muoisum ferûne weromreis kearde Emo op 6-7-1212 yn Wierum werom. (A. N. W. B. bewizering en Tom Tom moasten noch útfûn wurde.) In hiele oare wrâld dus yn ferliking mei dy fan ús, mei syn flugge postferkear en e-mail.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
MENGELDICHTEN
Mengeldichten van A. Jeltema, 1e druk 1779, 2e druk 1789, 3e druk 1825, bij Johannes Proost te Leeuwarden. W. o. op blz. 97: Het Belkumer Raadsel. Op blz. 102 Gedicht op huw. G. Tresling / M. Ferwerda.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 6-8-1924
Laatst kwam ik in den Dorpe BELKUM.
De hospes (Gastheer) zeide: “Van harte welkom.”
Ik vroeg hem: “Zijt ge nog gezond?”
“Ja”!, hoorde ik, uit zijn eigen mond.
Een poos daarna zeide de eigen vent weer: “Ik ben ziek!
En ziek geweest sinds 30 jaren!”
”Wie kan dat raadsel nu verklaren”?
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
De oplossing wie: SIEK was ‘s mans naam, SIEK was hy gedoopt!
BAARDA, de Berltsumer kastlein fan eartiids, hie de foarnamme Siek. (Sieck, Sick, Zyk, Zyck.)
(Sieck Symen ’s Baarda, de soan fan Simen Zyks Baarda, kastlein / eigner fan “Het Wapen van Gelderland,” destiids ek wol neamd “De nije herberch,” mei de dêrby behearrende Hingstemannerij mei in skuorre om 200 hynders te stallen. De herberch is op 15 maart 1769 te Harns yn herberch Romein ferkocht. Doe is Harmen Beernts Bosma hjir kastlein yn wurden. Symen Siecks wie troud mei Trijntje Johannes de Haan)
Op blêdside 101 fan Mengeldichten:
In gedicht op it houlik fan boekferkeaper Gerrit (Samuëls) Tresling fan Ljouwert op 25 maaie 1760 te BERLTSUM mei Maria (Abrahams) Ferwerda, de dochter fan de Ljouwerter boekdrukker en útjouwer Abraham Ferwerda (út de Slotmakkerstrjitte). It houlik waard slúten troch de Berltsumer dûmny Siricus Arnoldi. Abraham Ferwerda hat yn 1752 de Ljouwerter Krant oprjochte. (Gerrit syn heit Samuel Nicolaes Claesen Tresling, berne yn 1704 te Ljouwert, kaam mei attest fan Ljouwert op 1-7-1736 te BERLTSUM te wenjen, en dy syn heit wie “vleeschhouwer” te Ljouwert.)
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 24-4-1762.
De KERKVOOGDEN van den Dorpe BERLIKUM, gedenken op Zondag den 2 May te VERHUUREN ongeveer 11 Scharren , in de Berlikumer Buuren Weide. Wie gadinge heeft kan komen ten huize van Symon Baarda, Castelein in ‘t Wapen van Gelderland tot BERLIKUM.
‘t KLEINE KRANTSJE. 21-3-1970.
(* Foto fan de âlde Herberch (út de 18de ieu letter “Hof van Holland” neamd) oan it doe saneamde Easteinde te BERLTSUM om dy tiid hinne, no it Hemmemaplein/it Skil neamd.)
(* Is in kopergrafure makke troch Karel Fredrik Bendorp, útjûn yn 1793 yn VADERLANDSE GEZICHTEN nei it libben tekene troch Bulthuis en op it koper brocht troch K. F. Bendorp. Hichte: 16 cm en de breedte is 23 cm.
JAN CLAASES BULTHUIS / CAREL FREDERIK BENDORP
Carel Frederik Bendorp wie op 9-2-1736 berne te Sas van Gent en is ferstoarn te Dordrecht op 13 -10 – 1814. Hy wie graveur, tekener en skilder. As etser makke hy gravures fan de tekeningen fan Jan Bulthuis foar de Vaderlandsche gezichten en afbeeldingen behoorende tot den Tegen woordige Staat der Vereenigde Nederlanden, dat yn de perioade 1786 oant 1792 ferskynde. Hy lei steds- en doarpsgesichten fêst wêrûnder dy fan it doarp BERLTSUM op it Hemmemaplein mei de eardere Herberch mei boppeseal en omkriten. Jan Claases Bulthuis, doopt te Grins op 30-10-1750 en ferstoarn te Amsterdam op 29-5-1801, wie in Nederlânsk tekener en skilder. Hy makke de tekeningen foar de hjirboppe neamde Vaderlandsche gezichten en afbeeldingen, wêrfan Bendorp de gravueres fersoarge wêrûnder de gravuere fan it doarp BERLTSUM by it tsjintwurdige Hemmemaplein earder ‘op it Eastein’ neamd. Dizze gravuere fan BERLTSUM moat dus tusken 1786 en 1792 makke wêze. It hinget yn it Zuiderzee museum yn Enkhuizen.
L.C. 18-2-1769
Op 15 maart 1769. In de Herberg Romein te Harlingen verkocht; de deftige Nieuwe Herberg (“Het Wapen van Gelderland”) en hingstemannerij, met schuur om 200 paarden te stallen, te BERLIKUM door Symon Sicks Baarda (hy wie op 3-111764 foar it Gerjocht te Frjentsjer troud mei Saapke Joh. van Hazenhoek (Hasenhoek), de widdo fan ds. Henricus Gerardus de Valk) als eigenaar bewoond, huur voorheen 225 car. gls.
L. C. 9-1-1790.
Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, praesenteert by Strykgeld te Verkopen: zekere heerlyke en deftige Huizinge, Herberge en Hovinge cum annexis, staande en gelegen aan de Buuren tot BERLICUM, bekend onder de naam de Nieuwe Herberg, zijnde in lengte van jaren daarin met goed succes de Tapperye gedreven, begeregtigd met een Vrye Tap, Hengstenmannery, bezwaard met 10 Stuivers 2 Penningen Floreen en 10 Stuivers jaarlykse Grondpacht aan de buiten Armen aldaar, alles zodanig by Siek Symens Baarda cum uxore werd bewoond, op de 12 May 1790 vry te aanvaarden: Waar op geboden is 4425 g. gls. 14 strs. Wie gadinge heeft, kome op Maandag den 11 January 1790 ‘s namiddags op één uur ten huize van de Castelein S. S. Baarda voorsecht, by de Finale Palmslag waarvan de Conditien in te zien zyn ter Secretarye van Menaldumadeel.
FRYSKE FOARRJOCHTEN?
It is yn brieven wolris de hjitting dat Keizer Karel de Grutte (Carolus Magnus) de Friezen yn eardere tiden foarrjochten jûn hawwe soe. Mar dizze brieven bewize abslút net dat Keizer Karel de Friezen foarrjochten skonken hat. Dizze brieven bewize allinne dat de ynwenners fan Starum en de Friezen hjirfan oertsjûge wienen en dat Hendrik V, Willem II. en Willem III. en harren kanseliers dêr net oan twivelen. Men moat de histoarjekennis fan de diplomaten fan dy tiid net te heech oanslaan. Dizze miening wie oer gehiel Fryslân ferspraat. Al om 1250 hinne beroppen de Noard-Friezen har op harren fan Keizer Karel de Grutte ûnfongen rjochten, en yn alle lânrjochten fan alle Fryske Geaën (Goën) wurdt hy as Wetjouwer fan de Friezen neamd. Gjin wûnder dat Karel by de Friezen heech yn oansjen stie. De segels fan Rustringen, Wursingen, Segelterlân en, om deun by hûs te bliuwen, fan FRJENTSJER fierden syn byltnis en Kempis seit yn syn tiid, dat der yn de A-tsjerke fan de stêd Grins in muorreskildering fan de Keizer oanwêzich wie, mei in opskrift yn hiel âlde, hast net werkenbere karakters, wêrfan de ynhâld hjir op delkaam: Carolus Magnus Frisiam libertate inaestimabili darravit, quam nemo bonus nisi cum anima simal amittet. Oan in oarkonde fan om 1313 hinne, op it Ryksargyf yn Ljouwert, hinget in segel fan Frjentsjer, it fertoant in persoan op de troan sittend, wêrfoar twa knibbeljende manlju dy ’t de hannen opstekke. It omskrift is: Sigillum consulum in Franekere. Rex Carolus Frisonus liberos facit. Dus de miening, dat Karel de Grutte oan de ynwenners rjochten en wetten jûn hie, wie like algemien ferspraat by de Friezen as by de Saksen en hjir en der op oare plakken. By lêstneamden berêste se op sângrûn en it is à priori al wierskynlik, dat it hjir ek it gefal is. Yn de tiid fan de Karolingers waard Fryslân troch in Hartoch bestjoerd. Dit Hartochdom struts him út fan de Weser oan te Skelde ta, wêrfan dus ek net-Fryske lannen oan taheakke wienen. In pear Hartogen, as Radboud, Poppo en Godfried wurde ús neamd, mar nei it jier 900 komt hjir gjin Dux of Ducatus Frisiae mear foar. Foar dit Hartochdom liet Karel de Grutte de LEX FRISIONUM opstelle, it grutste part hjirfan bestiet út opskreaune gewoanterjochten en it hat mutatis mutan- dis in protte oerienkomst mei de LEX SAXONUM, de LEX THURINGIORUM etc. ........ ....... Fan foarrjochten kin dus yn de Lex Frisonum gjin sprake wêze. De Fryske Gewesten waarden doe troch Greven berjochte. Men wit al in pear te neamen út de tiid foar Karel de Grutte. Ek yn dy tiid fan de Lex Frisionum waarde de Geäen (Goën) troch Greven berjochte. Ek nei de tiid fan Karel de Grutte stienen noch ieuwen lang Greven (* oan it haad fan de Fryske Geaën, dy ’t de ynwenners, sa ‘t wy witte, rêstich berjochtte hawwe. Annalen en kroniken út Karel ‘s tiid of út de ieu nei him, witte neat fan in foarleafde fan de Keizer foar de Friezen, en allikemin fan foarrjochten oan harren tastien boppe de Saksen, Beieren of wa dan ek. Men lêst wol fan striid en kriich tusken Karel en de Saksen en de Friezen, mar neat oer it skinken fan foarrjochten.
(* Fuotnoat: De Fryske greven wienen de greven dy’t de kustprovinsjes regearden fan it tsjintwurdige Nederlân. Oant en mei healwei de 11de ieu waard nammentlik it kustgebiet oantsjutten mei de beneaming FRESIA (Fryslân), nei it eardere Fryske ryk (Keninkryk) dat yn de 8ste ieu troch de Franken oermastere waard. Dêrom wurde de greven dy’t yn dat tiidrek hearske hawwe Fryske greven neamd. Letter soene oare beneamings yn swang komme, bygelyks foar de greven fan Hollân en de greven fan Seelân.
DE SLACH BY VLAARDINGEN op 29-7-1018 Greve Dirk III. fan Hollân ferslacht mei in leger út de pleatslike bewenners it leger fan de Biskop fan Útert en it grutte leger fan de Dútske Keizer Hendrik II. De oanlieding: Tsjin de sin fan de Keizer, dy’t yn dy tiid de lânhear fan de greve wie, stelde Dirk III. in tol yn op de rivier de Merwede ( de tsjintwurdige Maas) by Vlaardingen. In territoarium wat hy fan it bisdom Útert ynpikt hie. Dit wakkere ek spul op mei de keaplju út it Bisdom Útert. De Biskop fan Útert rôp derom de help yn fan de Dútske Keizer. It is in wichtige slach omdat dit it begjin wie fan in ûnôfhinklik greefskip Hollân. De namme Hollân waard lykwols yn 1101 foar it earst brûkt. Oant dy tiid hjitte it gebiet West-Frisia. Dirk III. wie dus yn feite in Fryske greve, want de hiele kuststreek fan it hjoeddeiske Nederlân wie doe noch Frysk gebiet. Sy opfolgers neamden harren dêrnei dan ek greve fan Hollân.