Op 10 desimber 1896 hâlde it fanfarekorps “Klimop” fan BERLTSUM har earste repetysje by kastlein Louw Bakker thús. (dit wie har earste muzykútfiering foar it publyk.) Dat dit yn July l. l. (foaral troch tadwaan fan skoalmaster Gerhardus Wijngaarden út de Westhoek) krekt op 23-6-1896 oprjochte korps noch net sa ‘n folle fan har hearre litte koe, wie nei de betinking fan in elts wol begryplik. Yn hoefier dizze beskieden ferwachting oertroffen waard, bewize de stilte en it daverjend applaus nei elts fan de stikken dy ’t spile waarden. It wie boppe ferwachting! In oermjittich lof krige ek de kapelmaster J. G. Groenewold tawiuwe. (Hy wie it haad fan de iepenbiere skoalle hjir en koster/oargelist mei tal fan oare tsjerklike funksjes yn de Herfoarme tsjerke fan BERLTSUM en de oprjochter fan dit korps). Fakentiids kaam der gjin ein oan it applaus. Der waard meiwurking ferliend troch it sjongselskip “Harmonie”, ek wer ûnder lieding fan deselde master Groenewold. Dit droech in protte mei oan it slagjen fan de feestjûn. It korps hie 22 wurkjende leden. It bestjoer bestie út de hearen A. R. Turkstra as foarsitter, S. S. de Haan as siktaris, A. S. de Haan as ponghâlder, H. Winselaar en S. IJ. Greben. Nei it animearre bal gienen de minsken tige foldien wer op nei hûs ta. In pear moanne letter waarden de leden fan it korps ûnder de repetysje, tige oerfallen troch de komst fan in fiiftal jongfammen, dy ’t meidielden dat it ûnthjitte findel ree wie en yn oanwêzigens fan de kontribuanten oerrikke wurde soe. Sa teach it folk dan de jûns op Tongerdei de 18e en op Snein de 21e maart 1897 nei de seal fan kastlein Durk G. Visser. (De eardere herberch mei boppeseal, “Het Metalen Kruis” neamd, yn it pân, no Buorren húsnûmer 60). Der wie in jûn foar trouden en net trouden. De gearkomsten waarden mei in wurdsje iepene troch juffer Joukje Boomsma en juffer Janke (Pieter Theunissen) Runia (troud mei de slachter/gernier Jan Dirk ’s Kuperus, de ûnderwizeres yn de nuttige hânwurken oan de Iepenbiere skoalle hjir) lange it findel (makke troch de dames Stoett en Westra út Ljouwert) oer oan de foarsitter fan it korps, dhr. A.(nne) R.(ient’s) Turkstra, (Hy hie syn bakkerij yn it no ôfbrutsene hûs op de hoeke fan de Krússtrjitte / It Skil.) mei it fersyk om it yn bewar te jaan oan de faandrich. De jûn waard fierder feestlik trochbrocht ûnder it oanhearren fan toanielstikjes en foardrachten fan de froulju ’s leden fan de findelkommisje, stipe troch in tal wurkjende leden fan it korps en begeliede troch de hearen Anema en van der Mey mei fioele en piano. It korps liet ek fansels, sa no en dan wer, fan harren hearre. De froulju (Janke (Pieter ’s) Runia, Geertje Lublink, Joukje Boomsma, Janke Braaksma en Trijntje de Vries) wienen wol sa goedwillich om it earelidmaatskip fan “Klimop oan te nimmen en nei de foarstelling fan in prachtich tablo vivant (in libjend skilderij fan feestlik klaaide persoanen) mei bengaalske ferljochting (spektakelstikje mei sabeare of tûle fjoerwurk) sleat juffer Boomsma de gearkomste, dy ‘t beide jûnen troch fierhinne sa ’n 400 minsken bywenne binne.
Op 5 april rûn it fanfarekorps “Klimop” foar it earst troch it doarp mei de findeldrager en findel foarop, opstrewearre troch hûnderten doarpsgenoaten. Jammer dat de findels no net mear brûkt wurde. Wer in âlde tradysje is fuort. Master Groenewold hat in protte Berltsumers de leafde foar de muzyk trochjûn. Sa is de soan Paulus fan de hotelhâlder fan “Hof van Holland” J. E. Folkertsma, dy ’t ek les fan him hân hat, letter in tige bekend Frysk komponist wurden. Hy wie as Mennist ek aktyf yn de fredesbeweging en tsjin misbrûk fan sterke drank. Yn 1927 is in ynsamling hâlden foar in muzyktinte. Timmerman Ulbe Tjeerd ’s Nieuwenhuis hie it ûntwerp makke en soan Tjeerd hat de tinte boud op de hoeke no Hôfsleane/Bitgumerdyk húsnûmer 10 op in stikje grûn wat skonken wie troch K. J. van den Akker. Foarôfgeande oan de iepening op 25- 6-1927 gie it fanfarekorps” Klimop” troch it doarp en waard optreden troch it strykorkest “Groenewold”, de sjongferiening “Nut en Genoegen” en it “Ûnthâlderskoar”. It luts in protte minsken. Jammer dat it reinde. De muzyktinte (1927 - 1964) is no al wer ôfbrutsen mar in replica fan in muzyktinte is noch te sjen yn it Súderseemuseum fan Inkhúzen.
(Foto: Findel fan fanfarekorps "Klimop")
De skinker fan de grûn, Klaas Jan van den Akker, is yn WIER berne op 1- 3-1864 en ferstoarn te BERLTSUM op 22-10-1943. Hy hie himsels opwurke fan túnker nei bouboer en hierde yn 1892 in boupleats (oant 1914 ta) ûnder BERLTSUM. (de eardere tsjerkepleats) It wie in man fan kwizekwânsje. Hy hat fan grutte maatskiplike betsjutting west foar BERLTSUM en omkriten. Hy siet yn it bestjoer fan ‘Kommisje fan tafersjoch op de Proeftún’ as foarsitter en ek wie hy foarsitter fan de feriening ‘Doarpsbelang’. Hy hat û. o. it Wetterskip Berltsum mei oprjochte. Sûnt 1916 wie hy ‘rêstend bouboer’. Hy hie yn 1926 in streekje grûn ôfstien foar it ferbreedsjen fan de Hôfsleane. De sleat dy ’t foar syn hûs lâns rûn is doe ek dimpt. Hy hie in protte mei de skiednis fan ús omkriten en hat in prachtich boek skreaun mei de titel: “Van de Mond der oude Middelzee.” Hjiryn stiet ek in foto fan him.
(Foto: Klaas Jan van den Akker)
Op it plak fan de eardere muzyktinte stiet no it Berltsumer wetterhountsje, wat yn 1977 oan it doarp skonken is t. g. f. it 75 jierrich bestean fan de “Coöp Spaarbank BERLIKUM” (1902 - 1977) (no de Friesland Bank). It Berltsumer hûntsje is makke troch byldhouwster Suzanna (Suze) Boschma - Berkhout (1922 - 1997). (Sjoch ek de L. C. fan 28-2-1964. Klaas Jan van den Akker werd 100 jaar geleden geboren.) De (Fryske) wetterhûn wurdt ek wol otterhûn neamd omdat de hûn ynset waard foar de otterjacht. De hûn waard ek wol brûkt troch de fiskers om û. m. weidreaune netten nei de boat werom te bringen. It (brûnsen) bist (op stiennen sokkel) hat krulhier en in krulsturt en wurdt fakentiden ynset by de jacht op grut wyld en as waakhûn op de pleats. De (Fryske) wetterhûn wurdt, krekt as BERLTSUM, seldsum. Yn Nederlân binne der noch mar sa ’n 800, fertelt Paul Bouman fan de Nederlânske Feriening foar stabij- en wetterhûnen (NVSW). “En yn 2009 binne der 50 by kommen en gienen der 100 dea. Mei de stabij leit it oars. Dêr binne der wol sa ’n 4000 fan”, neffens Frida Knol fan deselde feriening. It foarstel om de hûn yn te krúsen mei seis oare rassen wurdt troch de leafhawwers fan dizze hûn sjoen as in bedriging foar de rassuverens. De wetterhûn moat autentyk bliuwe. Der stiet ek in byld (fan it swart/bûnt tekene) wetterhûntsje yn it Rengerspark fan Ljouwert yn 1987 troch de NVSW oan de gemeente Ljouwert skonken n.o.f. fan it 40 jierrich.
It Berltsummerhûntsje
(Yn 1977 skonken oan it doarp)
Hûnen yn it Rengerspark te Ljouwert
(De Wetterhoun mei der efter de Staby)
(Suzanna Boschma-Berkhout hat û. o. ek it byld makke fan BARTJE (yn Assen), fan ANTON WACHTER (yn Harns), fan it feintsje fan Menaam en fan Rembrandt en Saskia (yn Sint Anne).
Anne Rientses Turkstra wie troud mei Antje Anne ’s Fokkema en in warber man. Hy siet yn it bestjoer fan in protte Berltsumer ferienings, lykas de iisbaanferiening, de keatsferiening “BERLIKUM,” letter “Gerrit Piers” neamd, muzykferiening “Klimop”, de V. V. V. en neam mar op. Ek op polityk mêd wie hy aktyf by (de Liberale) kiesferiening “MENALDUMADEEL”. Syn soan Anne wurke by syn heit yn de bakkerij. Hy hie him sûnt 1882 op grutte skaal útlein op it twibak bakken. Hy hat it bedriuw letter yn 1913 nei de Jouwer oerbrocht, wer letter yn 1921 nei Ljouwert. Hy fûn yn Hollân in grut ôfsetgebiet foar syn twibak. Letter is it fabryk, yn Maaie 1954, nei de Troelstrawei gien. “Turkstra beschuit” is in ferneamd produkt wurden.
Muzykkorpsen op it Hemmemaplein te Berltsum
Muzykkorpsen yn O. B. Syl om 1920 hinne
Krekt as master Groenewold wie Gerhardus Wijngaarden ek in grut man op it mêd fan de muzyk. Hy wie earst skoalmaster oan de Kristlike skoalle te Parregea en dêrnei sa ‘n 50 jier oan de Iepenbiere skoalle yn de Westhoeke ûnder Sint Jabik. Yn Parregea wie hy dêr de inisjatyfnimmer ta it oprjochtsjen fan in Kristlik korps. Yn 1895 waarden troch syn tadwaan de korpsen “Aurora” te Sint Jabik, “Exelsior” te Sint Anne en “Crescendo” te Âlde Biltsyl oprjochte, folge troch BERLTSUM mei “Klimop”, Hallum en Marrum. Ek hat hy yn Sint Jabik it strykorkest “Apollo” oprjochte en joech hy destiids in protte privaat oargel– en pianolessen.
L. C. 7-7-1956
Corps “Klimop” te BERLIKUM viert 60 jarig bestaan.
In 1920 trad het korps toe tot de Friese Bond van Harmonie en Fanfarekorpsen. In 1921 nam het korps voor de eerste maal deel aan een Bondsconcours. etc. ...... .......
L. C. 2-3-1985.
De foto is nommen op 28-7-1921 yn Ljouwert.
De manlju binne fan lofts nei rjochts: F.(edde) Winselaar, Joh. Span etc. .... ..... Dirigint is L. de Vries foar it findel.
De FINDELS en it (doarps)WAPEN.
De muzykkorpsen “De Bazuin” en “Klimop” hienen elts harren eigen findel. Findels brûkte men as teken en kleur om harren fan oare groepen of persoanen te ûnderskieden. Der wienen folken dy ‘t op d ’iene of oare manier in teken of totem kenden. De Romeinen bgl. fierden op al harren fjildtochten in ryksstander mei earn mei. De ûntwikkeling fan it begrip dat wy no heraldyk neame is ûntstien yn de rin fan de 12e ieu en hat in militêre eftergrûn. In man dy ’t dêr in protte fan ôfwit is de broer fan in âld-kollega (Ankie Broersma) fan my, t. w. Rudolf J. Broersma. Hy is ek tekenaar Fryske Rie foar de Heraldyk. It wurd heraldyk is heechstwierskynlik ûntliend oan it âld-Heechdútske wurd Hariwalt (heraut). Yn feite wie dizze persoan in boade en ôfropper fan boadskippen. It wie syn taak om “des Heeres u walten” (oer it leger te weitsjen). Fia de âld-Frânske wurden herault en letter it Dútske herold en it Ingelske herald is it wurd heraldyk ûntstien. It wurd “wapen” komt fan it wurd wapenrêsting fan de midsieuske striders, lykas it harnas, de helm en it skild. Hjir waarden figueren op oanbrocht. Yn in folslein famyljewapen sjocht men altyd dit skild mei in helm mei helmteken en helmkleed ôfbylde. It famyljewapen waard erflik en gie oer fan heit op soan. Steds– en doarpsomroppers hienen in steds- en doarpswapen op de boadebus stean. Dit moat yn BERLTSUM ek sa west ha, ha ik earne wolris lêzen. It Berltsumer doarpswapen (tsjerkewapen), it wapen fan de Hemmema ‘s en fan de Schwartsenbergen thoe Hohenlansberg binne no ek noch yn BERLTSUM te sjen. Wapens ferskinden letter ek op grêfstiennen, papier en yn segels. Sa hat de Berltsumer Koepeltsjerke twa tsjerke-stimpels, ien mei it Berltsumer wapen dêryn en ien mei dêryn ôfbylde de ingel Michaël. Findelswaaiende famkes rinne no mei kleurige flaggen foar it Berltsumer korps út. De Switserske foarpake fan myn frou (Dirkje) wie ek findeldrager yn it Switserske leger en neamde him Fahner. (Faandrager, Faandrich, Vaandrig, Vaandeldrager, Findeltôger.)
P. S. Oan de findels fan de muzykkorpsen waarden de wûne medaljes en eretekens oanbrocht en troch de foarop rinnende findeldrager troch it doarp en oare plakken meitôge. By hurde wyn hie de bêste man der fakentiden in hiele hijs oan.
L. C. 19-8-1921.
L. C. 25-9-1999.
Paulus Folkertsma geëerd met tentoonstelling.
Paulus Folkertsma is op 15- 1-1901 te Wommels geboren, als jongste van de vier kinderen van Johannes Folkertsma en Antje Ennema. Het gezin verhuisde in 1906 naar BERLIKUM. Toen hij 14 werd, ging hij uit huis: naar de Rijkskweekschool in Maastricht. Op die opleiding kreeg zijn rode, blauwe en anti militaristische levensovertuiging gestalte. In Maastricht schreef hij (as 14 jierrige) ook zijn eerste composities. In 1956 huwde hij Helga Khek uit Wenen. Zij kregen 4 kinderen. .... .... Folkertsma is op 4 mei 1972 te Oldeboorn overleden. etc. ...... ......
(foto: Paulus Joh. Folkertsma (1901-1972) dwaande mei it skriuwen fan in muzykstik.)
L. C. 18-4-2002.
Stichting presenteert c. d. met liederen Folkertsma.
Paulus Folkertsma. Ongetwijfeld was Paulus Folkertsma één van de begaafste componisten die Friesland in de 20e eeuw heeft voortgebracht. Hij werd geboren in 1901 te Wommels. In 1906 verhuisde het gezin naar BERLIKUM (as hotelhâlder fan “Hof van Holland”) waar hij zijn eerste vioollessen kreeg van een plaatselijke onderwijzer (master Jan Groenewold) etc. .... .....
(Master Groenewold liket as earste fioellearaar, in ynspiraasjeboarne west te hawwen foar Paulus. Hy kombinearre yn syn libben ûnderwizen mei muzisearjen, mar ek mei komponearjen. Hy die dat fanút Aldeboarn, wêr’t hy mar leafst 40 jier les jûn hat. Hy wie in autodidakt op it mêd fan komponearjen. Folkertsma krige teksten fan Fryske dichters as Piter Jelles Troelstra, Simke Kloosterman, Fedde Schurer, Rixt en Douwe Kalma yn hannen en makke dêr besiele lieten fan. Op basis fan in libretto fan Ype Poortinga, ynspirearre op in ferhaal út de Rimen en teltsjes fan ‘e bruorren Halbertsma, skriuw hy sels in komplete opera: De jonkerboer. Mar hy komponearre noch folle mear: oargelwurken, wurken foar symfony-orkest, kantates, operettes en keamermuzyk foar de meast útienrinnende besettingen. Nei de oarloch fûn (de Âldeboarnster skoalmaster) Folkertsma de leafde yn de Weenske Helaga Khek, wêr’t hy yn 1956 mei troude. Hja krigen fjouwer bern. Hy skreau noch hast 50 partitueren oant syn dea yn 1972. Syn frou en bern bewake oant hjoed de dei mei passie, as Paulus Folkertsma Stifting, syn muzikale erfenis, en regelmjittich soarge hja derfoar dat der cd’s útkomme, konserten jûn wurde en nijsbrieven feskine. Dit mei de help fan it – foar eltsenien tagonklike – Frysk Muzyk Argyf, wêr’t al syn komposysjes yn opnommen binne. Meiinoar mear as hûndert wurken.)
L. C. 14-5-1954.
Leeuwarden heeft aan de Troelstraweg de meest moderne beschuitfabriek.
(foto. Turkstra Beschuit.)
FOARSITTERS / DIRIGINTEN “KLIMOP”
As foarsitters fan Klimop hawwe yn it begjin û. o. tsjinne: A. R. Turkstra, H. Hoitsma, Halbe Halbesma, A. S. de Haan, S. Stap, D. de Jager, S. Halbesma, J. O. van Dijk , etc. en as diriginten û. o.: J. Groenewold, 1896-1900, dan de skoalmaster op it Bilt, Gerhardus Wijngaarden, 1900-1906, postkantoarhâlder Joh. S(ijbes). Anema, 1906-1915, notarisklerk Franciscus Sperling fan Ljouwert 1915-1919, J. Koet fan Ljouwert 1919-1939, P. Faber 1939-1942, C. R. Bijlstra fan Ferwerd (fanôf 1942), T. Postma, W. H. Koet fan Ljouwert (1920-1940), Ger van Veldhuizen etc. .... ....
L. C. 27-6-1996.
KORPS KLIMOP VAN BETEKENIS VOOR HEEL BERLIKUM.
BERLIKUM – In tegenstelling tot een kaart- of een biljartclub is een korps van betekenis voor een hele gemeenschap, ook voor mensen die zelf niet musiceren. Daarom moet, volgens Dick Abma, alles in het werk worden gesteld om zoveel mogelijk muziekkorpsen in Friesland in stand te houden. Abma is voorzitter van muziekkorps “Klimop” uit BERLIKUM, dat morgen en overmor gen zijn honderdjarig bestaan viert met een concert en een taptoe. Tot ergernis van veel leden, wordt het Berlikumer korps nogal eens aangekondigd als “DE Klimop”. Ten onrechte. De naam is een werkwoord, geeft het streven van de muzikanten aan, en is niet naar de gelijknamige plant genoemd. Oprichter van Klimop was het hoofd van de Openbare lagere school, Jan Groenewold. Een jaar eerder had hij ook al eens geprobeerd voldoende Berlikumers voor een korps te interesseren, maar zonder succes. Omdat in dezelfde periode in een aantal omliggende dorpen wel korpsen werden opgericht en BERLIKUM zelf verrijkt werd met een christelijke muziekvereniging “De Bazuin”, vermoedt het huidige bestuur, dat dorpsbewoners een jaar later veel beter op de hoogte waren van de geneugten die een eigen korps hun zouden bezorgen. Op 23 juni 1896 was “Klimop” een feit. Binnen de kortste keren telde het korps 31 leden. De voorspoed duurde 7 jaar, toen gooiden de Berlikumers het hoofd in de nek en liepen massaal weg uit protest tegen het autoritaire gedrag van Groenewold. Toen het ledental teruggelopen was tot 7, grepen de notabelen van het dorp in. Er werd een nieuwe dirigent benoemd en niet lang daarna kwamen alle opgestapte muzikanten terug. Later zou zich dat nog een aantal malen herhalen. Het korps bestond uit tuinders, middenstanders en arbeiders, maar als er problemen waren werd dikwijls een beroep gedaan op de notaris, de huisarts, de fabrieksdirecteur en andere leden van de hogere stand om bij te springen. Het kwalitatieve hoogtepunt lag voor “Klimop” rond 1980, toen het korps zo ’n 85 leden telde. Momenteel zijn dat er – verdeeld over fanfare, drumband en jeugdgroep – een 65. Het kwalitatieve hoogtepunt was rond 1970 toen er op concoursen met grote regelmaat eerste prijzen met lof werden behaald. De laatste jaren doet “Klimop” zelden nog mee aan concoursen. Abma: “Op sa ’n konkoers sitte dan in pear minsken dy ’t jo wol efkes fertelle sille hoe ’t jo spylje moatte. Mar de iene kear is dat Piet en de oare kear Klaas en dy sizze noait itselde. Sokken kinne yn ien kear ôfbrekke, wat jo yn jierren opboud hawwe. Dêr ha wy gjin nocht oan. Dan dogge wy leaver mei oan it Frysk Fanfare Festval. Dêr giet it net om ‘e punten, mar krije jo in kritysk ferslach dêr ’t jo wat oan hawwe”. Een ander hoogtepunt uit het bestaan van “Klimop” was de oprichting van de muziekkoepel yn 1927. (de eardere no ôfbrutsen muzyktinte op de hoeke no Hôfsleane/Bitgumerdyk, wêr ’t it Berltsumer hûntsje stiet.) “De Bazuin” wilde alleen aan de muziekkoepel meewerken, als ook de collega-koren en korpsen er niet op zondag in zouden spelen. Omdat die voorwaarde voor “Klimop” niet aanvaardbaar was, heeft het “openbare korps” toen maar in zijn eentje het initiatief genomen. Vijf jaar later bleek “De Bazuin” overigens wel bereid in de koepel te spelen. (Oh, dy Berltsumers!) Hoewel Berlikum slechts 24 honderd inwoners telt, is er volgens Abma ook in 1996 nog altijd voldoende ruimte voor twee korpsen. “Wy ha in hiel oare útstrieling. “De Bazuin” jout konserten yn de tsjerke, wy yn it doarpshûs. Sa ’n tsjerke is wat stylfoller, wat offisjeler. By ús ha se ûnder it konsert in slokje foar har stean, dat kin yn ‘e tsjerke net. Dêrom binne wy net echt konkurrinten fan elkoar. Al moatte wy fansels wol altyd “fjochtsje foar it fuotbestean”. Om dat ‘fuotbestean feilich te stellen’ steekt “Klimop” een groot deel van de begroting in het werven en opleiden van jonge muzikanten. Verder probeert het korps zo goed mogelijk met zijn tijd mee te gaan. Eind jaren 80 werd bijvoorbeeld het toneelstuk tijdens de jaarlijkse uitvoering afgeschaft. Dat nam vaak zoveel tijd in beslag, dat de muzikanten het gevoel kregen, dat ze hun bijdrage er in een noodtempo door moesten jassen. In 1988 traden Bouke en Geertje op als gast, sindsdien staan de jaarlijkse uitvoeringen geheel in het teken van de muziek. Een klein deel van het publiek is toen afgehaakt, maar daar zijn volgens Abma anderen voor in de plaats gekomen. De viering van het 100 jarig bestaan begint morgenmiddag om half vier met een receptie en de presentatie van het boek “Een eeuw fanfarekorps “Klimop.” ‘s Avonds is het jubileumconcert onder leiding van Gert van Veldhuizen en Jentje de Haan. Solisten zijn trombonist Jilt Jansma, keyboardspeler Carla Rullmann en zangeres Anneke Douma. Zaterdagavond is er een taptoe met deelname van het “Pasveerkorps” uit Leeuwarden, “C.M.H.” uit Menaldum, “Oranje” uit Minnertsga, “Takostu” uit Stiens en “De Bazuin” en “Klimop” uit BERLIKUM.
Foto: “Klimop” yn de muzyktinte mei as dirigint de hear Koet yn de tritiger jierren.
L. C. 8-2-1902.
L. C. 31-3-1977.
(foto: Boargemaster mr. Dirk Reitsma, notaris Dirk B. Posthumus en de byldhouster Suze Boschma by it “Berltsumer hûntsje”.)
L. C. 4-10-1952.
Werkzaam man in IJlst gaat met pensioen.
W. Rensema (moat wêze: Renzema) die meer dan 30 jaar kantoorhouder van de P. T. T. was.
De heer U. (is Willem) Rensema , kantoorhouder van de P. T. T. te IJlst gaat 1 november met pensioen; hij wordt 22 October a.s. 65 jaar. Hij werd op 1 november 1918 als kantoorhouder te IJlst benoemd. De heer Rensema is te BERLIKUM geboren, waar zijn vader (Symon Renzema op Buorren no húsnûmer 100) bakker was . Hij moest van zijn moeder (Jacobje Renzema - Lautenbach) studeren - schoolmeester worden – maar in dat vak had de heer Rensema geen lust. Na het overlijden van zijn vader vestigde hij zich als bakker te IJlst. Op 1 november 1918 werd hij hier als kantoorhouder benoemd en werd de bakkerij verbouwd tot een postkantoor, dat 1 februari 1919 officieel werd geopend. De heer Rensema wist door een coulante bediening de mensen voor zich te winnen. Hoe de mensen de heer Rensema waardeerden, bleek in 1944, toen hij zijn zilveren ambtsjubileum vierde. Hij kreeg toen talloze geschenken. De heer Rensema is voorzitter van drie verenigingen geweest, secretaris van vier verenigingen en penningmeester van drie verenigingen in IJlst. Hij was 27 jaar penningmeester van de begrafenisvereniging en 25 jaar bestuurslid van de Oranjevereniging. De heer Rensema blijft in IJlst wonen, als hij met pensioen gaat.
L. C. 16-10-1992.
BOETES AFKOPEN MET PAKJES SIGARETTEN.
Halbertsma-chauffeurs terug uit Komi. Drie weken geleden stuurde Halbertsma Deuren in Grou voor het eerst sinds de overname (Tinga Trappen en Deuren te Winsum) twee met kozijnen geladen vrachtwagens naar het moederbedrijf in de Russische republiek Komi. Gistermiddag na een even slopende als avontuurlijke reis keerden de chauffeurs, Jan Kamminga uit Wirdum en Anna (Bernardusdr.) Renzema uit BERLIKUM, terug in Friesland. Zelden werden ze vaker beboet daar op de 8148 km heen en terug tussen Grou en de Komise hoofdstad Syktyvkar. Direkteur Jippe Tinga, het brein achter de overname ........ ....... Achter Moskou .......... eerlijk gezegd hadden de beide chauffeurs uit Wirdum en BERLIKUM geen idee waar ze aan begonnen toen ze drie weken geleden vertrokken. Renzema herinnert zich, dat ze als bestemming ‘ergens vlak achter Moskou’ had opgevangen. Het bleek ruim 1000 km. Oost-Europese kilometers verderop te zijn ...... ..... De grote gaten in de wegen vielen eerst op, onvoorstelbaar groot. “Ús boerereden binne der pareltsjes by”. Kamminga: “As krigest yn de kabine in oplieding ta kosmonaut”. Telkenmale werden ze aan de kant gedirigeerd. Wegens te hard rijden, wegens keren op een kruispunt, wegens al wat niet. Discussiëren had geen zin (mei de korrupte plysje dêr) ontdekten ze spoedig. Het kwam aan op onderhandelen over het tarief. Zei de agent “Smoky, smoky”, dan was het hopen op dat hij met één pakje Marlboro genoegen zou nemen. Vroeg hij om dollars, dan boden zij roebels. Wilde hij 1000, dan dongen wij af op 500 .......... “ ........ er was nauwelijks verkeer. “Ús frachtweinen wienen yn har eagen ferskriklik grut”. ....... Verder werden Renzema en Kamminga vooral getroffen door de onvoorstelbare schoonheid van de natuur. “Sa moai, sa ûngerept, sa útstrekt”. ........ ........ “Fan miljeu easken hawwe se dêr noch noait heard,” meent Kamminga. “De benzinelucht flocht jin temjitte, sjochst gatten mei in heale meter oalje. Wy doarden dêr net te smoken.” De eerste Russen die de Grouster deuren en kozijnen kunnen beproeven zijn overigens soldaten. De lading wordt nl. verwerkt in semi-permanente woningen die momenteel in hoog tempo worden opgetrokken om de talrijke uit de satelietlanden terugkerende Sovjet-troepen te huisvesten. ....... ........
De Russyske regearing hie û. o. de (West-)Dútsers min of mear twongen om de nei Ruslân weromkearjende Russyske besettingstroepen dêr wer opnij te húsfestigjen. Dit hat de Dútske regearing miljarden kostte. Mar dat wie it harren de frijheid wol wurdich.
(Foaral West- Dútslân, moast de weromkear fan it Russyske besettingsleger bekostigje. Der waarden miljarden Dútske marken troch it Kommunistme tige ferearme Ruslân easke foar it ûnderdak bringen dêr fan harren weromlûkende soldaten. Sa waard de frijheid foar de East-Dútsers en it wer byinoar bringen fan beide Dútslannen djoer betelle. De oare no ek yn frijheid stelde lannen efter it Izeren Gerdyn wiene ek tige ferearme. De befolking ferkearde yn grutte earmoede.)
L. C. 13-2-1997.
Hoogbejaarde internetsurfer wil bijblijven.
Mije (Jan Meyes) Vollema (fan de Bitgumerdyk) uit BERLIKUM is 92 jaar, maar dat weerhoudt hem er niet van bij te blijven op elektronisch terrein. Zo heeft hij sinds kort een aansluiting op internet. Een ervaren surfer is hij nog niet, maar dat komt wel. “Ik haw it de hiele dei oan tiid” Ik haw in bêste kompjûter, mar .......... ........
Foto: Meije Jan Meyes Vollema efter syn kompjûter mei ynternet oanslúting. “Jo moatte mei de tiid mei gean”. De bruorren Meije en Sipke Vollema hawwe lange tiid tegearre yn ‘t Kleaster Anjum buorke. Meije wie frijfeint en Sipke wie troud.
De foto’s fan Meije en Sipke Vollema steane ek yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op de side. 28 en 29.
L. C. 29- 5- 2004.
Honderdjarige vindt laptop te traag.
Techniek had en heeft voor de honderdjarige Meije Vollema weinig geheimen.
Foto: Meije Vollema efter de laptop, no wenjend yn Nij Statelân te Menaam.
L. C. 5-10-1999.
Pinautomaat bij disco BERLIKUM.
BERLIKUM - De Rabo bank in BERLIKUM heeft haar geldautomaat bij het kantoor aan de Ir. C. M. van der Slikkeleane (húsnûmer 4/b) verplaatst naar de vernieuwde discotheek “Hof van Holland” aan het Hemmemaplein. De bank heeft een tienjarig contract afgesloten met de exploitant Jetze Hoekstra voor de huur van een afgesloten ruimte naast de hoofdingang. De bewaking van de disco, die vanaf vrijdag verder door het leven gaat onder de naam “The Dance Factory”, houdt een oogje op de pinautomaat. Het verplaatsingsbesluit is ingegeven door de forse overlast, die discobezoekers veroorzaken in de woonwijk waar de enige (* geldautomaat in het dorp te vinden was. Naar mate de avond vorderde, togen meer bezoekers naar de pinautomaat om hun tekort aan te vullen. Bovendien werd de automaat twee keer voor duizenden guldens vernield.
Fuotnoat:
De Friesland Bank oan it Skil húsnûmer 2 krige letter ek in pinautomaat oan de bûtenmuorre, sa dat hjir doe twa pinautomaten deun byinoar wienen.
DE FEANSTER. 5-8-1955.
Meester S.(imon) Renzema overleden.
Hij was in leven hoofd van de Christelijke school te Drachtster Compagnie. De overledene was afkomstig van BERLIKUM. etc. ...... ......
L. C. 29-1-1937.
Veertig jarig bestaan fanfarecorps “Klimop”.
L. C. 7-7-1956.
Corps “Klimop” te BERLIKUM viert 60 jarig bestaan.
L. C. 29-9-1965.
Sechtich jier yn “Klimop” mei blaze.
P.(ieter) Faber fan BERLTSUM hie by de brijkarre wolris de piston mei ......... ......... as de hoarn it net die.
Pieter Faber
L. C. 21-7-1933.
Ondergeteekende maakt aan het geachte publiek bekend dat hij voornemens is op zaterdag 22 Juli a.s. een winkel te openen in kruidenierswaren, tabak en sigaren, wollen, gaarens enz.
Beleefd aanbevelend.
H. van der Plaats, Achteromweg BERLIKUM.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
(Is no it yn 1830 boude wenhûs Hôfsleane húsnûmer 36 bewenne troch freifeint Jan Heerkes van der Plaats. (de soan fan Heerke van der Plaats en Sijke Bos.)
Kastlein Louw R. Bakker, de soan fan Romke Bakker en Trijntje Romkes Risselada, ôfkomstich fan Tsjom, Frjentsjerteradiel, is sûnt 1884 de opfolger fan kastlein en keapman/winkelman Sape de Haan. De herberch is bouwe litten yn 1856 troch M. R. Braaksma. Sjoch de advertinsje:
Herberg “de Koophandel.” De ondergeteekende berigt het geëerde Publiek, dat hij den 5 dezer zijne nieuw gebouwde herberg staande aan de Leeuwarder Vaart alhier, zal openen. Hij vleit zich, dat zijne localen allezins geschikt zijn tot het houden van Verkoopingen etc. en comparitiën, waartoe hij zich minzaam zoo bij H. H. Notarissen als Kooplieden, Schippers e. a. aanbeveelt, belovende eene spoedige en civiele bediening.
BERLIKUM, 1 Dec. 1856.
M.(inne) R.(uurd ’s) Braaksma.
L. C. 26-12-1896.
Daar ondergeteekende bij zijne Herberg “de Koophandel,” een vak als Winkelier in zout, zeep en kruidenierswaren heeft opgerigt verzoekt hij vriendelijk een ieders gunst, bolovende door eene soliede en civiele bediening zich het vertrouwen waardig te maken.
BERLIKUM.
M. R. Braaksma.
Jierpel feiling oan de Tichelersdyk. (Lofts, de Herberch fan Jelte Hornstra)
JELTE HORNSTRA.
Yn 1901 is Jelte Hornstra, as opfolger fan Louw Romkes Bakker, hjir 5 jier lang de kastlein en winkelman yn dizze herberch oan de Tichelersdyk west. De no ôfbrutsene herberch stie yn BERLTSUM oan de Tichelersdyk tusken no de húsnûmers 10 en 16. Jelte Hornstra waard letter hofmeester op de Lemmerboat, dy’t de linetsjinst tusken De Lemmer en Amsterdam fersoarge. Dêrnei Jan Kornelis Durksz. Yn it lêstoan wennen hjir oan de Tichelersdyk û. o. noch it gesin fan Harmen Wytses de Haan en Folkert Boomsma (Tichelersdyk de húsnûmers 12 en 14.)
Jelte (Klaas Jelte’s) Hornstra, troud mei Froukje Hendriks Lolkema, ôfkomstich fan Schoterlân (it Hearrenfean) is de pake fan Jelte en Simon Sikke (Symen ’s) Lautenbach en wenne letter op de Lemmer. De herberch mei de winkelaffêre is û. o. te sjen op de foto tusken de siden 26 en 27 fan it boek: Een halve eeuw “De Afslag” te BERLIKUM.
Jelte Sikkes Lautenbach wenne yn it yn 1953 oan de Kleasterdyk boude hûs húsnûmer 3 yn BERLTSUM en Simon Sikkes Lautenbach wenne earst yn Hollandscheveld (Dr.) en wennet sûnt 1955 yn Heiloo, wêr’t hy doe haad fan ’e Kristlik Nasjonale Skoalle wurden is.
Sjoch it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 116 de no net mear besteande herberch oan de Tichelersdyk, it meast loftse gebou op de foto en op side 119 op de boppeste foto is deselde herberch midden op de foto te sjen.
L. C. 25-12-1884
KAFMOLENS van verbeterde constructie, maakt alles in eens schoon met aanmerkelijke tijdsbesparing. Dagelijks in werking te zien bij en worden geleverd door A. J. van der Meij te BERLIKUM.