OER IT KLOKLIEDEN

Eartiids regelen de klokken it libben yn de doarpen en stêden. Eltse boarger herkende de sinjalen, dy ’t troch alderhânne klokken útstjûrd waarden. Guon klokken wienen getten foar in spesiaal doel en ûntlienden dêr dan ek harren namme oan lykas de bânklok. Dizze klok wie meastal eigendom fan it stedsbestjoer en waard brûkt om beslúten fan it bestjoer rjochtskrêft te jaan. Ek as akten opmakke en ûndertekene waarden troch partijen. (straks ek by de fúzje fan de beide tsjerken ta P. K. N. gemeente yn it jier 2010?) De Poarteklok waard meastentiids brûkt om oan te jaan dat oer in kwartier de poarte iepene of slúten wurde soe. Op dizze wize waard faak ek it begjin of ein fan de wurkdei oanjûn. Dan wie der de Tsiend(e)klok. Dizze waard led om oan te jaan dat it moment oanbrutsen wie om in bepaalde belesting (1/10de part fan ‘e opbringst fan ‘e risping) te beteljen. De Hongerklok waard led as yn de Kleasters, dy ‘t hearren ta de Biddeloarder, it iten op wie. As der itenskrapte wie waarden de omwenjenden oproppen om de foarrie wer oan te foljen. Yn de Jouwer hie men noch de Sânklok. Dizze waard lieden as der sân struid wurde moast tsjin de glêdens. Der wie in Manlju ’s klok, in Frjoulu ’s klok en in Berneklok as bgl. yn ‘e Salviustsjerke te Dronryp. BERLTSUM sil fan âlds ek wol sa in kloktra- dysje hân hawwe mei de twa liedklokken yn de âlde krústsjerke dy ’t wijd wie oan Sinte Michaël. Elts plak hie sa syn eigen kloktradysjes.

Oarspronklik (Yn foar-Kristlike tiiden en yn net-Jeropeeske kultueren) waarden klokken yn haad saken brûkt as ôfwarmiddel tsjin kweade geasten. Sina hat ek bygelyks sa syn klok-tradysjes. It lûd soe in beswarrende krêft ha. Sels oant yn de lette midsieuwen droegen klokken magyske teksten lykas: fulgare frango (ik brek it waarljocht). De meast algemiene tekst op âlde klokken is: vivos voco (de libbene rop ik) en mortuos plango (de deaden beskriem ik.) Tsjintwurdich wurdt it lieden beheind ta haadsaken lykas: It oproppen ta de tsjerketsjinsten, it begelieden fan begraffenissen, it oproppen ta betinking bgl. 4 maaie yn de jûntiid. It ynlieden fan bgl. Doarpsfeesten ensafuorthinne. De West Europeeske liedtradysje is al hiel âld. It stamt út de iere midsieuwen en is troch in Pauslik dekreet (om 1100 hinne) befêstige foar alle tsjerken en kapellen. Dêrneist waard oan de klokken in wiidweidich wrâldlike sinjaalfunksje takend.

Klokken waarden faak ferneamd nei Hilligen. (beskermhilligen) Yn Nederlân binne dizze tradysjes ek hieltyd folge. Nei de Reformaasje is de betsjutting fan de ynwijinge ferdwûn, mar de gewoante om by it begjin fan in tsjerketsjinst (en by oare gelegenheden lykas begraffenissen, nasjonale en regionale feestdagen) de klok te lieden bliuw bestean. Fanút opskriften fan lied-klokken besjoen, hat de lytse klok as opropper ta bea en Hillich Nachtmiel (en Hillige Missen) de meast útsprutsen tsjerklike liturgyske taak. (Per vocem meam Deus vos vocat: Door mijn stem roept God u.) Algemien wie it brûklik it folle lieden te beheinen ta de tsjerklike heechtiidsdagen lykas de grutte feesten fan Peaske, Pinkster en Kryst. Derneist is dit lieden geskikt om brûkt te wurden by bysûnder (al as net tsjerklik) barren lykas nijjiersdei, keninginnedei, befrijingsdei ensafuorthinne. It kloklieden koe, lykas al sein is, pleatslik nochal ferskille en hong ôf fan it oantal liedklokken yn de toer. It oarspronklik brûkme fan kloklieden is dus al tige âld.

In sitaat út it Roomske tsjerkerjocht skriuw foar, dat eltse tsjerke of iepenbiere kapel in klok besitte moast om de leauwigen oproppe te kinnen ta bea- of tsjerketsjinst. Letter kamen hjir ferskate oare (iepenbiere) funksjes by foar de bewenners en omkriten. De bestjoerde omkriten om doarp en stêd foelen ûnder “de Klockslag van ..........” Skofttiiden foar arbeiders yn it fjild (hja hienen meastal gjin horloazje) waarden troch de klok oanjûn. In stjergefâl waard oankundige troch it lieden fan de swiere of minder swiere klok(ken). Sa koe immen fernimme as der in manspersoan, in frouspersoan of in bern ferstoarn wie. By brân, wettersneed en fijânlike oanfal liet de klok harren alarmearjende lûd hearre. (no hawwe wy de sirenes.) Sa waard der ek seind fan it iene nei it oare doarp of stêd om berjochten troch te jaan.

Om te foarkommen dat berjochten dy ’t net winsklik wienen foar in besetter, lykas de Frânsken, waardende tsjerketuorren konfiskearre om as wachttoer (útsjochtoer) te brûken. Kosters waarden ferantwurdlik steld foar it net tastiene brûken troch ûnbefoege persoanen. (De Dútske besetting foarderden ommers ek de radio ’s om de net winske berjochten út Ingelân te kearen) De tuorren waarden ek brûkt as wachttoer. It ûnheil waard (bibelsk besjoen) achtte fanút it Westen te kommen. Der fandinne dat de measte tsjerketuorren nei it Westen rjochte binne. It alter stie op it Easten. It heil komt ommers út it Easten.

Minsken fan oansjen woenen dan ek sa ticht as moochlik wie by (noch leafst ûnder) it alter begroeven wurde. Dat wienen dan meastentiids de ealju lykas yn BERLTSUM bgl. fanâlds de Hemmema’s en oaren. De minsken fan minder oansjen waarden op oare plakken yn de tsjerke begroeven. It begraven yn de tsjerke moast betelle wurde. Op it tsjerkhôf waarden de gewoane man, wiif en bern begroeven, dit wie fergees. It tsjerkhôf wie meastal mei in inkelde stien of houten krús fersjoen foar dy it betelje koenen. Yn BERLTSUM waard it hea op it tsjerkhôf ferkocht oan de meastbiedende persoan. De bern boarten op it tsjerkhôf, want de algemiene skoalle, mei de koster/skoalmaster as haad stie deun by de tsjerke op it tsjerkhôf. Ek kermissen (kerke–missen) mei hannel en alles wat der letter bykommen is, waard meastal op it tsjerkhôf hâlden. De kroeg stie net al te fier fan de tsjerke ôf, want nei de tsjerketsjinst in bierke pakke, wie destiids hiel gewoan.

Om op it begraven werom te kommen:

Fanôf de Midsieuwen waarden de deaden op alle dagen fan de wike begroeven, dus ek op snein, mar dan wol nei de tsjerketsjinst(en). Wat grutter de begaffenisstaasje, wat mear oansjen en respekt foar de ferstoarne waard ferûnderstelle. Nei de Reformaasje waarden der gjin rou-tsjinsten mear hâlden en by de begraffenissen wie it de dûmnys ferbean om meiwurking te ferlienen oan begraffenisplechtichheden. Wie dit dochs it gefal, dan gie dit sûnder seremonieel en sûnder kloklieden. Yn BERLTSUM gie men foarhinne trijeris om it tsjerkhôf hinne en dêrnei nei it grêf ûnder it lieden fan de klok. Dit trijeris om it tsjerkhôf hinne rinnen is oan it ein fan de tweintichste ieu ophâlden. It wie in âld (Frysk heidensk) brûkme mei in heidensk lawaai! It is miskien wol aerdich om te witten, dat oerwurkmakker Enne S. De Haan (De foargonger fan Klaas Holste ’s Meijer), as earste yn Nederlân, it elektrysk kloklieden útfûn hat. BERLTSUM krige yn 1927 de primeur!

Kranteknipsel mei foto fan ‘e liedklok fan BERLTSUM.

BERLIKUM - Klok uurwerk electrisch in 1927. Eenig in Nederland gepatenteerd mechanisme. Te BERLIKUM wordt de klok electrisch geluid. De uurwerkmaker zet een handle om, waardoor een electrische motor boven in de toren begint te draaien en door het inwerkingtreden van een gepatenteerd mechanisme begint de klok te luiden. De EERSTE IN NEDERLAND en zeker ook de eenige etc. ..... ..... dan folget in útiensetting hoe ’t alles wurket.

In oerwurkmakker moast oer ferskate kwaliteiten beskikke. Hy moast kennis hawwe fan smidswurk en eat witte fan it kamrêd oerbringen. Doe ’t mear stêden yn ‘e fjirtjende ieu in toer-oerwurk hawwe woenen wie dy kennis noch net sa wiid ferspriede. Letter groeide dizze beropsgroep. It oerwurk bestiet út twa kamrêd systemen: it geande wurk, dat de tiid mjit, en it slachwurk dat by elts oere de dêrby hearrende slagen op ‘e slachklok slacht. No wurdt it BERLTSUMER meganysk oerwurk elektrysk oandreaun. Oarspronklik barde dat mei gewichten. Boppe yn ‘e kloksflier en ûnder yn ‘e oargelflier binne de eardere, no tichtmakke iepenings, foar dizze gewichten no noch te sjen. It tou foar it kloklieden hong destiids boppe de stuollen.

Hjir binne in protte minsken west om te sjen hoe dat liedsysteem wurke. Faak is yn BERLTSUM tocht dat it kloklieden, om skoft te hâlden, net mear nedich wie. Mar o wee, de memmen dy ‘t de bern twaris deis fan de skoallen ophelje moasten waarden dertroch it kloklieden op attendearre dat hja wer op wei moasten nei skoalle ta. Hja wienen it dêr dan ek lang net mei iens. De tsjerkfâden hawwe dy tradysje hjir yn BERLTSUM dan ek mar sa litten. It (lêste) meganysk toer-oerwurk is makke troch de Bruorren van Bergen, Midwolda (1924). It lieden fan de klok giet no automatysk. Earder moast de kloklieder der altyd om thús bliuwe of der foar thús komme of in ferfanger freegje, want, al hoegde hy net mear yn de touwen te hingjen, it knopke moast noch wol om. De klok wurdt trije ris deis lieden: om 11.15, 2.45 en 6.00 oere en sneons om 6.30 oere.

Noch eat oer it kloklieden.

Op somlike plakken liede(n) de klokken nei it dwaan fan de oanjefte fan in stjergefal by de Boargerlike gemeente en hie earder de betsjutting dat de dúvel hjirtroch ferjage wurde soe en gjin fet krige op de siele fan de ferstoarne. De tsjerkeklokken wienen ommers yn it ferline troch de geastlikheid seinige. It lieden fan de klokken wie de taak fan de buorlju. Kaam ien nei 12 oere te ferstjerren dan fûn it ritueel de oare moarns plak. Men neamde dit “immen beliede”. De mienskip waard ynljochte dat immen stoarn wie. Giene de klokken mei twa kear in ûnderbrekking, dan wie it in man oangeande. Fûn der ien kear in tuskenskoft plak dan wie it in frou dy ‘t stoarn wie. Gie allinne de grutte klok, dan wie in bern stoarn. (ek mei ien kear ûnderbrekking) Earder wie der ek ferskil tusken immen út it tsjerkedoarp of immen út ien fan de bûtendoarpen. BERLTSUM hat no, nei de bou fan de Koepeltsjerke, jammergenôch, noch mar ien klok oerholden, t. w. de lytse liedklok.

Op sneontejûn wurdt hjir om 18.30 ûre de snein “ynlieden”. Der wurdt fakentiden sein: “Dûmny krijt in skjin himd oan” of “De wike wurdt ferlieden”. Dan waard hjir (faak yn de herberch) ek oan de arbeiders it lean útbetelle. Op Stille Sneon wurdt net lieden. Op âldjiersjûn om tolve oere wurdt de klok ek lieden. Oardel oere foardat de tsjerketsjinst begjint wurdt de klok 5 minuten lang lieden. In kwartier flak foar de tsjinst in 2 ½ minuut. Ek by de deadebetinking op 4 maaie wurdt de klok lieden. Op somlike plakken wurdt de klok ek lieden by it sjongen fan “Stille nacht”.

De liedklok: It âldste massamedium fan Jeropa.

Kommunikaasje: reeksinjalen, fjoeren, blaasynstruminten (bazún, klaroen, kowehoarne), klokken. (yn ferskate âlde kultueren kamen klokken foar. (yn it fiere easten bgl. yn Sina etc. etc.)

OERLIEDINGS te ÚTERT.

Een lijst van gelegenheden waarbij de klok van de Dom van Utrecht werd geluid, (overluidingen) meestal sterfgevallen en begrafenissen, van doorgaans belangrijke personen, soms ook geboorten of intochten van vorsten. De lijst werd bijgehouden door het College van Kanunniken te Dom (Domheren) en is in 1881 gepubliceerd onder de titel: Necrologie de differ. Personnes illustres des Pays Bas 1614 - 1651.

De foar- en efternammen en plaknammen waarden somtiden ek wol ferlatynske. Sa waard ‘s- Hertogenbosch: Silvae Ducis, ‘s -Gravenhage: Hagae Comitum en Útert: Trajectum (ad Rhenum)

Hjirút dizze list sa mar in pear efternammen dy ’t yn dit e-book ek wol neamd binne.

BerltsumerKlok.mp4

Filmke mei it lieden fan de Berltsumer klok.

31-12-1625

17-11-1620

17-11-1620










21-02-1629

13-10-1671

01-11-1636

28-09-1646

30-08-1625

in Gysbert Daniëls van BERLECUM, procureur te Utrecht.

in Simone Cornelisdr. Wed. van Daniël Gysberts van BERLICUM.

in Daniël van BERLICUM, zoon van Gysbert van BERLICUM.

(Fan in Daniël Gysberts (fan Berltsum) is ek in sulveren beker fûn wêrop stiet dat

de beker makke is yn 1622 en hy boaske is mei in Trijntje Broers. (Breuts)

Hja libje yn 1640 te BERLTSUM as meyer/eigners fan stimnûmer 14. (*

De nammen steane op de wand fan de beker en de inisjalen D. G. x T. B. mei it alli-

ansjewapen oan de ûnderkant fan de beker. Hy is yn 1626 earmfâd te BERLTSUM.

Hja hawwe sawiesa trije bern hân t. w. in Gysbert yn 1657 troud mei Grietje Klases

fan Frjentsjer en hja wennen te Hallum en BERLTSUM. Grietje wie earder troud

west mei Dirk Dirks fan WIER. Dan wie der by myn witten noch in Jacob Daniëls en

in Dirck Daniëls.

in Elisabeth Knyff, huisvrouw van Johannes Bogaert.

in Adriana van Wttwyck, huisvrouw van Cornelis Knyff, oud Schepen van Utrecht.

in Cornelis Knyff, oud–Schepen en oudste Raad in de Vroedschap van Utrecht.

in Johann Knyff.

in Elisabeth Jans Knyff, wed. van Cornelis Harmannus van Ravensway.

(Sjoch by de Lautenbachs.)

(* Daniël Gijsberts wurdt neamd yn de Pré-kadastrale Atlas fan Fryslân 1700/1640 diel 13 Menameradiel (fan ‘e Fryske Akademy) op side 54. Stimkohier nûmer 14 en Floreenkohier nûmer 217 as hûs Kadastraal bekend as Berlikum A 666-667. Yn 1700 is Jacob Gerbens (Quader) eigner en Grietje Fokes de hierster fan it hûs mei al de dêrefter lizzende, doe noch net beboude grûn, oan de feart ta. Yn de Kadastrale Atlas fan 1832 wurdt Bauke Arends Roorda as eigner oanjûn. Noch wer folle letter wennet hjir no hjoed de dei de frijfeint Sybe Jan (Sybes) Osinga as komelker en hy is de opfolger fan syn âldelju dêr. It tsjintwurdige op dit perseel steande hûs mei komelkerij is no bekend as Buorren húsnûmer 21.


OERWURKMAKKERS.

Oerwurkmakkers binne der net folle mear. De Jouwer bgl. telde yn de 18de ieu in lytse 100 klokkemakkers. De Fryske klokken dy ‘t hja makken woene wol fan ‘e hân. Klokken wienen populêr yn grutte dielen fan Jeropa en sels yn Ruslân. No binne der noch mar in pear klokke-makkers yn De Joure oer. De âlde Fryske klok sprekt de jongerein net mear oan. Yn tsjinstelling ta Ingelsken gooie Nederlanners makliker dingen fuort as de moade feroaret. Minsken wolle tsjintwurdich in moderne foarmjown jûne klok. Der binne no ek in protte alternativen foar de klok. Om de tiid wêr te jaan is it no net mear nedich om in klok te meitsjen. De minsken hawwe hjirfoar no in mobyltsje of in horloazje. Klaas Meijer wie hjir yn BERLTSUM de lêste klokke-makker. Roel Willems Douma fan Menaam, wenjende yn ‘e electro-winkel oan de Lytse Dyk húsnûmer 4 hat it oerwurk fan de Berltsumer toer ek wol skjinmakke en fan nije oalje fersjoen. Jan Feddes Winselaar wie hjir de lêste hoarloazjemakker yn BERLTSUM. Kees Feenstra fan ‘e Sportleane húsnûmer 28, dy ‘t hjir letter is kommen te wenjen, reparearet no ek noch wol in protte klokken en horloazjes foar de Berltsumers en dêr bûten.