Floris Visser
Yn 1982 wienen hja mei de DOARPSFERNIJING fan it âlde BERLTSUM begûn.
Yn 1986 is it foltôge mei in feestlike iepening fan de Buorren. Hjirmei waard de lêste faze fan de doarpsfernijing fierd.
Sûnt fjouwer jier lyn de doarpsfernijing fan start gie, wie al foar yn totaal fl. 3.8 miljoen gûne útjûn oan de doarpsfernijing fan BERLTSUM. It opknapjen fan de Buorren, (* besteande út sa ’n 7000 fjouwerkante meter sierbefluorring yn ferskate kleuren en brûkte materialen, it oanbringen fan sierferljochting, in lytse 200 Amsterdammerkes en fernijing fan riolearringoanslútings troch de Heidemij hie 6.6 ton koste. Rom 4 ton dêrfan waard subsidiearre en út it potsje fan steds- en doarpsfernijing ûntfongen. Yn de ôfrûne moannen wie de sa ’n 600 meter lange Buorren folslein trochinoar hinne smiten.
De oanpassings wienen allegearre yn oerlis mei de bewenners fan ’e Buorren útfierd. Ien fan de positive njonkeneffekten is, sa murk de foarsitter Visser, it eardere haad fan de Kristlike basisskoalle “de Fûgelsang” en no foarsitter fan “Berltsumer doarpsbelangen”, op, dat de bewenners harren huzen no ek opknapjen gienen. De doarpsfernijing wie tige slagge. BERLTSUM hie net te klaaien. It wie in prachtich gehiel wurden.
Krekt foar it ûntbleatsjen fan de tinkstien (de grutte balstien op de eardere “Hakkebak”- of letter ek wol de “Rolsma”-streek neamd en no in parkearterrein) wie boargemaster Jaap Goeman Borgesius op in antike trekker al troch it “krantepapier” gien mei yn syn kylwetter in rige antike trekkers, dy ’t dy deis ek noch te besjen wienen yn de Buorren.
Boppedat waarden der wedstriden mei hâlden. Der wienen in protte minsken op ôfkommen. Foar de bern waard der in ballonnewedstriid hâlden. Sa ’n 500 ballonnen keazen dy middeis it loftrom. Yn BERLTSUM wie jild ynsammele om in lyts monumintsje meitsje litte te kinnen, dit as oantins oan de foltôging fan de nije befluorring yn it doarp. De grutte balstien stiet foaroan op de eardere Hakkebakstreek oan’e Buorren. It doarp, lizzende op it punt mei de gearfloeiing fan it “rivierke” (slinke) de Riedstream (** en de Boarnstream, (Bordine, Burdine of Middelsee) koe en kin wer besjen lije.
Fuotnoaten:
(* De Buorren is no sa ’n 460 meter lang, mei dêroan sa ’n 100 huzen. Dêrfoar wie de Buorren sa ’n 600 meter lang. It Skil en it Hemmemaplein waarden destiids ek as Buorren oantsjutte. Alhoewol de yn 1898 ôfbrutsen herberch fan de widdo K. B. Osinga wol as steande oan it Skil oanjûn wurdt.
(** Ried of reid (< âld nederlânsk rith) betsjut streamende, ôfwetterjende slinke.)
Braderie yn de Buorren
Sjoch ek de troch my makke fideofilm.
L. C. 17-10-1986.
Sjoch ek: BERLTSUMER Buorren kin wer besjen lije.
(Foto: fan de Buorren)
TINKSTIENNEN
De tinkstien yn ‘e Buorren (op de eardere Hacquebartstreek en no brûkt as parkearterrein) is in werynnerjen oan in foltôge hanneling, yn dit gefal it opnij ynrjochtsjen fan ‘e Buorren. It kin ek plakfine by it begjin fan in bouwurk of by it yn gebrûk nimmen fan in gebou troch it ynmitseljen fan in stien yn ‘e muorre. It is in al hiel âlde tradysje dy’t al yn ‘e Bibel foarkomt. Ek komt foar it slaan fan ‘e earste of lêste peal of it setten fan in maaiebeam op it dak of it heljen fan pannebier.
FRANEKER COURANT.
25- 7- 2012.
Nieuwe plannen de Buorren te BERLTSUM.
(Foto: fan de Buorren)
WÊR BINNE SE BLEAUN,
al dy súteljende winkellju, de bakkers, de trije brijkarren en de grientelju. De meteropnimmers, de jildophellers, de leedbidder en de strjitfeier. De skjirresliper, de lapkekeapman en de negoasjesúteler mei syn koer foarop de fyts. De branjesútelers mei hynder en wein en de mannen mei de petroaljehânkarre. De fodde- en izerkeapman mei de âlde kêde foar de wein. De man mei syn aapke op it skouder en it jubeljende draaioargel ridende troch it doarp. De doarpsomropper. Hja binne der net mear: winkels yn de Buorren as dy fan de VéGé, de Spar, de Coöp, de frije winkel as dy fan van Albert van der Ploeg en de VIVO op de hoeke fan it Skil en it Hemmemaplein, de Sperwer yn de Bûterhoeke, de winkel mei dranken, winen en likeuren, de beide lapkewinkels, de winkel mei drogisterij artikels, brillen, foto- en filmtastellen, de winkel mei boartersguod, horloazjes, klokken en oar lúks guod, de trije elektrowinkels, soms anneks mei in leadjittersbedriuw, de trije fietsewinkels, de fjouwer slachters, de fjouwer grientewinkels, de tsien/âlve bakkers, de twa banken en it postkantoar. It is stil wurden yn BERLTSUM en foaral op de Buorren mei al dat deistich winkeljende froufolk, somtiden de skelk noch foar en it holdoekje op. Freezers en kuolkasten wienen noch in frjemd ferskynsel yn de húzen. As men in koele kelder ûnder it hûs hie wie men al tige befoarrjochte.
L. C. 23-5-1875.
Een woord over het afstroomkanaal WIER.
Een woord over het afstroomkanaal WIER, Zuidhoek, Oude Leije, Finkumervaart of de voorgestelde verbetering daaraan. Om de gebrekkige afstrooming van het water ........ ......... En nu de vraag: Beantwoorden de voorgestelde doorgravingen aan die vereischten? We antwoorden, naar ons bescheiden meening, ja en neen. De voorgestelde DOORGRAVING VAN DE UITVAART TEN NOORDEN VAN BERLIKUM ONDER DE HEMMEMAPIJP DOOR, verder door de Zuidhoek tot de Zuidhoekstervaart is als gunstig te noemen, daar zij in de rigting van het Z.W. naar het N.N.O of N.O., en alzoo de ZOO SCHADELIJKE WESTELIJKE OMWEG OVER WIER afsnijdt, waardoor de afvoer ook zeer werd bevorderd bij eene gunstige gelegenheid te Harlingen en Roptazijl. Voldoet ook etc. ......... ..........
Sint Jacobi Parochie, R.(oelof) Schuiling.
L. C. 11-8-1884.
(Dit moat wêze de ACHTE OPFEART)
Eigenaren van landen, behoorende tot de Achter-Opvaart worden dringend verzocht met Gecommiteerden te vergaderen op Dingsdag den 12 Augustus 1884, des avonds 6 uur ten huize van L. Bakker te BERLIKUM, ten einde te spreken over de slatting der Opvaart, en, bij aanneming, Gecommiteerden te magtigen tot de uitvoering.
Namens Gecommiteerden, K. T. Lautenbach.
(AchteR-Opfeart moat wêze AchtE-Opfeart. Dizze opfeart is neamd nei it tsjerkelân, ‘de Achte’ neamd. It Achtepaad is hjir ek nei neamd. In Heechhout dêr lei ek oer opfeart ‘de Achte’. Doarpshûs ‘It Heechhout’ dêr op dat plak is nei dit Heechhout oer de Achte-opfeart neamd.)
IT HEECHHOUT
We sjogge “It Heechhout” net mear – In daem leit yn ‘e “Achte”opfeart – dit is nou ek in dea ein sleat – wer oars in boatsje noch wol fear.
Oer ‘t Achtepaed, sa nei’t Heechhout. – Op dizze groun hja dit gebiet – der leit s ‘an mannich minneliet – sa folle binne hjir net troud.
De Mulseleane, ek dat plak - Waard troch it jongfolk faeks opsocht – oerstriele dan mei moanneljocht – ek dit gebiet joech syn gerak.
En hjirre yn ús berne tiid – Fierljeppe, en dan mei in skoat – oer lyts en greate sulv’ren poart – of heger op nei Braaksma ‘s wiid. (dêr oan it Achtepaed efter de Fûgelsang koenen de preamen yn ‘e Achteopfeart keare)
Braekhokken sjoch ik ek noch stean. – De beage luts doe ek sa swier – it wie bihindich de dei hier – dat yn dy tiid dan waerd oanbean.
Fan âlds leit hjir wol poësije – En hwat ik nou sa graach wol woe – dat dit gebiet r ‘is prate koe – folle soe it ús binije.
Nou stiet it hjirre gehiel fol. – Moaie húzen dan ek steane – skoallen, strjitten of Sportleane – de tiid it nou sa hawwe wol.
De namme is lokkich fêst lein. – By ‘t âlde plak is in hûs boud – werop de namme: “It Heechhout” – hiel goed bitocht dat moat hjir sein.
Út de samle dichten fan Bouke Zwart. (TOM) 1986
L. C. 27-10-1998.
Einde baggerwerk BERLIKUM in zicht.
BERLIKUM – Al bijna 6 maanden lang wordt de bevolking van BERLIKUM geteisterd door daverende motoren, piepende graafmachines en stinkend slik. In mei begon de gemeente Menaldumadeel met het uitbaggeren van de Oost–Indische Opvaart, die dwars door BERLIKUM loopt. Begin november moet de klus geklaard zijn. Dan is een stuk vaarweg van 1 kilometer verdiept en van giftig slib ontdaan. De werkzaamheden etc. .......... ......... Het project kost de gemeente fl. 1.2 miljoen. Het slib wordt naar de afvalberg De Wierde te Heerenveen gebracht.
Foto: nommen fan de East-Ynjen Opfeart fanôf de Hemmemapiip.
TIGE FERSMOARGE.
Tusken 1998 - 1999 hat de East-Ynjenopfeart (de âlde Riedstream) efter de BUORREN in grutte skjin- en ûnderhâldsbeurt krigen. Oer in lingte fan sa ’n ien kilometer moast 10.000 m2 earstich fersmoarge baggelslib opromme wurde. It sanearrings- en ûnderhâldswurk hie sa ’n fl. 1.3 miljoen gûne kostte. De baggelspeesje behearde ta de kategory “earnstich fersmoarge”. Yn de speesje binne bytiiden hege konsintraasjes pac ’s (tarre en swiere oalje), lead, sink, koper, kwik en D. D. T. oantroffen. Dy wienen ôfkomstich fan eardere fabrykjes, garaazjes en skiphellinkjes. Foar de rekreaasjefeart is der no in trochfeart rûte fan trochsnee 1.75 meter en foar de kano feart 0.8 meter.
L. C. 22-3-1999.
Oost Indische Opvaart (de âlde Riedstream) door BERLIKUM weer bevaarbaar.
East-Ynjen Opfeart
DJIPRIOLEARRING.
Yn 2010, begjin maart giet de Buorren yn BERLTSUM wer op de skeppe. Der komt in nije djipriolearring. De âlde betonnen buizen binne ferrotte en wurde ferfongen troch twa keunststof pipen, ien foar it rioelwetter en ien foar it himelwetter. Yn it midden fan de Buorren komt in stik fan de âlde trochgroeven stiennen piip wer ris foar it ljocht by it graafwurk.
L. C. 5-10-2011.
(foto: Hieke Joostema en Gilbert IJsselmuiden yn de BERLTSUMER Buorren.)
(foto: de Buorren.)
------------------------------------------------
TWA BERLTSUMERS op in bankje yn ‘e Buorren.
Klaas Wassenaar: “Ik wol net kremeard wurde”
Sjoerd Terpstra: “Wêrom wolsto net kremeard wurde?”
Klaas Wassenaar: “Omdat ik noch net dea bin”.
------------------------------------------------
L. C. 4-6-2010.
Vernieuwde traditie. (de Buorren + foto)
L. C. 2-10-2006.
Eindelijk zicht op dichten gat van BERLIKUM!
(It ôfbrutsene “Berlingahiem” tusken no de húsnûmers de Buorren nûmer 78 en 84.)
L. C. 2-10-2006.
L. C. 29-8-2002.
Gardeniersmuseum “DE GRÚSERT”.
(Buorren húsnûmer 55 en it Pypke, BERLIKUM.)
Oud Berlikumer Minne Ruurds Braaksma, (wenjende yn Ljouwert) Dirk Klazes Osinga, Evert Algra en Anne Bontekoe (- Steensma ) zijn de drijvende krachten. De werkgroep heeft de laatste jaren veel materiaal verzameld over de “gerniers” in het dorp. Het documentatie centrum bezit veel boeken, foto’s en krantenknipsels. Verder is de oogst het hele jaar door in beeld gebracht. Boven staan oude werktuigen. Wie geïnteresseerd is in de bedrijfstak die vroeger in BERLIKUM heel veel mensen aan het werk hield, kan in het museum alles te weten komen. Ook over het dorpsleven in BERLIKUM trouwens. Het museum is tevens oudheidkamer etc. ........ ........
Foto: Gerniersark, om de okkerlêsten fûne put fan de âlde bierbrouwerij, dy ’t dêr earder fêstige wie.
L. C. 4-2-1998.
Structuurplan BERLIKUM valt goed.
L. C. 8-10-1997.
Nieuw centrum moet BERLIKUM versterken.
L. C. 9-7-1997.
Smit Vlees in BERLIKUM biedt tien man werk.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
BERLTSUMER BELCH.
Yn BERLTSUM wenjende Belch rekket syn Belgysk aksint mar net kwyt.
Hy nimt it beslút by Minne Nieuwhof, in echte Berltsumer, Fryske priveelessen te nimmen.
Nei fjouwer wiken hie hy einliks de sin: “Jou my mar in broadsje aai mei Berltsumer spek” yn geef Frysk leard om út te sprekken.
Hy giet, tige grutsk as in pau, de winkel yn by Gerben Rein Schiphof yn de Vermaningstrjitte en seit:
“Hé, jou my mar in broadsje aai mei Berltsumer spek”.
Wêrop Germ seit: “Jo binne grif in Belch”.
“Hoe sa”, freget de Belch, “dat wie dochs geef Frysk?
“ Ja seker, mar jo steane hjir yn ‘e blommewinkel”.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 2-1-2003.
Griepvirus velt bezoekers discotheek Berlikum
BERLIKUM – Tientallen bezoekers en enkele medewerkers van The Dance Factory in BERLIKUM zijn vrijdag na bezoek aan de discotheek ziek geworden. etc. ..... ...... Exploitant Jetze Hoekstra kreeg verschillende telefoontjes. Hij riep meteen de hulp in van de G. G. D. die vaststelde dat de verschijnselen wijzen op een vervelende buikgriep. De grootschalige besmetting werd veroorzaakt door een zieke bezoeker die in de discotheek moest overgeven. Hoewel zijn braaksel werd opgeruimd, hadden zwevende virusdeeltjes vervelende gevolgen. Waarschijnlijk tussen de veertig en vijftig mensen kregen binnen 24 uur na hun avondje uit last van plotseling braken en een vervelend gevoel in de buik. etc. ........ ........ Exploitant Hoekstra heeft het zekere voor het onzekere genomen en ook de Keuringdienst van Waren onderzoek laten doen. Hoewel er ook mensen ziek zijn geworden die hier niets hadden gegeten, heeft hij van bezoekers gehoord. Hij heeft het pand zo g mogelijk geventileerd en extra schoongemaakt. etc. ......... ........
L. C.13-12-1864.
Hedenmorgen te tien uur behaagde het den Albestuurder tot mijne en weerszijden naast-verwanten diepe droefheid, weg te nemen mijne innig geliefden Gade ANNA CATHARINA OSINGA. Zij bezweek in den ouderdom van 24 jaren en 8 dagen, na drie maanden sukkelen. Slechts ruim één en een half jaar mogt ik met haar in genoeglijken echt verbonden zijn.
BERLIKUM, 2 December 1864.
L. G. Boomsma.
Eenige kennisgeving aan Familie, Vrienden en Bekenden.
L. C. 5-7-1997.
Huwelijk.
Johanna van Dijk en Jan Piet (Sjoerd ‘s) Quarré te Gretna Green yn Skotlân op 2-7-1997.
(No wenjende op it Kersehôf húsnûmer 17 te BERLTSUM en earder yn ‘e Buorren.)
L. C. 31-10-1996.
Onrust in BERLIKUM door katten aids.
L. C. 18-10-1996.
Kijken, kopen en knutselen in droomwinkeltje “De âlde tiid” .
(foto: Wietske Doldersum - Tempel steande yn de winkeldoar op Buorren húsnûmer 60.)
L. C. 29-8-1995.
(loftfoto: Koepeltsjerke)
L. C. 2-6-1995.
Isolatie maakt eind aan lawaai jeugdsoos.
(It Piipskoft)
L. C. 5-5-1995.
L. C. 22-6-1994.
BERLIKUM moet zelf in actie komen voor dorpshuis.
L. C. 28-9-1978.
BERLIKUMER ondernemers zetten wensen op papier.
L. C. 17-8-1974.
East-Ynjen Opfeart
L. C. 4-8-2010.
Sandra Siderius derde met Tequila.
WORMERVEER. – Sandra Siderius uit BERLIKUM werd gisteravond derde in de goed bezette sub top wedstrijd in Wormerveer. Met Tequila (vader Indoctro) scoorde ze 62,14 % in het ZZ-Licht. Dat was ruim voldoende voor een derde prijs en een winstpunt, maar niet voldoende om professionals als Lotje Schoots voor te blijven, die de proef won. Amazone Siderius maakte nog maar sinds kort de overstap naar de subtop maar won eerder in Sint Annaparochie ook al een proef in de klasse ZZ-Licht.
(Sandra Siderius oefent mei har hynder op it terrein efter/neist-it bedriuw oan de Biltdyk hjir yn BERLTSUM.)
L. C. 20-3-1952.
Christelijke Landbouwhuishuidschool te BERLIKUM?
Naar we vernemen bestaan er bij het bestuur van de Friese C. B. T. B. plannen om de landbouw -huishoudcursus te BERLIKUM om te zetten in een Chriselijke Landbouwhuishoudschool.
L. C. 20-12-1963.
Huishoudschool BERLIKUM eindelijk onder dak.
Gister is in BERLIKUM de nieuwe christelijke landbouwhuishoudschool “De Fûgelsang” feestelijk geopend. De heer H.(idde) W.(ibius) Born, voorzitter van het schoolbestuur, had de leiding van de bijeenkomst. De school begon in 1955 met 33 leerlingen en telde in het volgende seizoen reeds 85 en er na 172. etc. etc. De direktrise wie mej. H.(inke) Tel. De skoalle wie foarhinne ûnderbrocht op ferskate lokaasjes as it “Herfoarmd Sintrum, de boppeseal fan kafee “de Brêge”, de eardere C.N.S. (Griff.) skoalle ensfh. It wurd waard fierd troch û. o. dhr. Braaksma dy ‘t foarhinne eigner wie fan it hôf “de Fûgelsang”, dhr. J. S. Post út namme fan de Fryske C. B. T. B. dy ‘t de skoalle yn behear hat, boargemaster Torensma út namme fan de Gemeente en mw A.(nna) de Haan - Wassenaar (troud mei Klaas Andriessoan de Haan) út namme fan de (Kristlike) Plattelânsfroulju.
L. C. 29-3-1968.
CHRISTELIJKE LANDBOUWHUISHOUDSCHOOL – BERLIKUM
Opvoering van de operette “Van pruiken en wijsheid” o. l. v. de heer G.(errit) Stulp, voor leerlingen en belangstellenden op Vrijdag 5 april a. s. in het “Hervormd Centrum” te BERLIKUM. Aanvang 7.30 uur. Kaarten verkrijgbaar à fl. 1,25 aan school verkrijgbaar. Tel. 05186 - 426
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
ÚS, (MYN), KANT, DE OARE KANT
Der steane twa Berltsumer jonkjes, elk oan in kant fan de Ljouwerterfeart.
Freget de iene oan de oare: “Hoe moat ik oan de oare kant komme?
Ropt it oare jonkje werom: “Dêr bisto al!”
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
HÚSNÛMERS
Foar de komst fan ‘e Frânsken yn ús lân hienen de huzen gjin húsnûmer. It adres wie dan bgl.: Oan Jan Pietersen yn ‘e Buorren. Letter krigen alle húzen yn ‘e doarpen en stêden in trochrinnend húsnûmer. Noch wer letter krige eltse strjitte syn eigen húsnûmers mei noch wer letter in postkoade.