Hiel wat BERLTSUMERS hawwe efternammen dy ’t einigje op - inga en -a Ik tink oan Heslinga, Andringa, Elsinga. In foarâlder fan sa ’n sibbe hat de namme Hessel, Andries of E(a)lse hân. Fariaasjes op dy foarnammen binne mooglik. De nammen Alg(e)ra, Sytsma, Fokkema, Bartlema bgl. betsjutte respektivelik soan fan Alger, Sytse, Fokke en Bartle. De letter - a efter it wurd - ing is de genitief pluralis foarm fan - ing. Dus - Ing betsjut soan fan .... en - inga ien fan de soannen fan.... De - ing foarm is al tige âld. De útgong “Ingha” wiist neffens de gelearden op in hiel âlde ôfstamming, wierskynlik út de tiid, dat de Friezen harren hjir yn ús kontrijen deljown ha.
Letter binne der nammen ûntstien dy ‘t einigje op - ma of - sma. De taalkundigen binne it net alhiel iens oer it ûntstean fan dizze útgongsfoarm. Út de foarm - um soe neffens guon fan de taalgeleleerden, letter – ma en - sma ûntstien wêze. Reitse soe bgl. dan mei syn grûngebiet heem of hiem ferkoarte oant - um ta Reitsum kommen wêze. Menalda, Menalda hiem ta Menal- d(a) - um. Engele ‘s hiem ta Engele - um. Mei de namme BERLIKUM (BERLTSUM) wurdt it no dan ek wol dreech útlizzen want in persoans namme as Berle of Berling (ck) soe mei it wurd heem of hiem dan betsjutte moatte: it grûngebiet fan ...... in Berling - (ck). Wol is bekend dat de van der Meer ’s en Meerstra ’s út BERLTSUM oan in (eardere âlde mar (meer) wennen op in pleats ûnder Menaam mei dy namme (Durk Harings Meerstra en Antje Tjalles Andringa, syn frou, dogge yn 1813 belidenis te Menaam) en de Fennema ’s fan de Berltsumer “Nije Finne” (fenne) pleats ôfkomstich binne om mar wat nammen te neamen. De âldste foarm is dus dúdlik dy op -inga, en dernei folgje dy op -ma en -sma. (de âld Fryske genityf “a” betsjut “fan”, bygelyks suna - fan de soan, brodera –fan de broer. Menamer’a’deel – it gebiet “fan” Menaam. ) Wer oaren skriuwe dat de namme-útgong “-ma” ôfkomstich wêze soe fan it âlde wurd “maag” of “mac” wat lid fan in sibbe of clan betsjut.
Flechtlingen út ROUEN lykas de Hacquebord ’s (bart ’s) en de Rosier ’s dy ‘t hjir ek wol wenne hawwe, binne no Friezen mei Frânske skaainammen. Franciscus Dominicus Michiels (de heit fan Aafje Maria Machiels.) fan BERLTSUM en de Guldemond ’s, no fan Menaam, hawwe in Belgische (Flaamske) efternamme. Johannes Guldemond (myn foarpake) is hjir yn de Spaanske tiid as flechtling út Brussel wei, yn LEIEN e. o. kommen te wenjen. In neikommeling is fia Dronryp yn Menaam terjochte kommen. Yn BRUSSEL siet Johannes Guldemond yn it stedsbestjoer en wie dêr “artillery fabrikeur”. De Born ’s en de Lautenbach ’s hjir komme oarspronklik út Dútslân wei, Born (boarne, wetterput), Lautenbach (rûzjende beek), Lauterbach (heldere beek). Op it Bilt is yn 1811 in Lautenbach ynskreaun mei op it ein in - g. Hjir binne de Biltske Lautenbag ’s dus oan werom te kennen. Myn Latynske efternamme “Posthumus” betsjut: (Jonge: berne nei de dea (oarspronklik: nei de begraffenis, it ûnder de ierde bringen) fan syn heit. Natus post patris obitum. Wie it in famke, dan waard hja in “Posthuma” neamd. De nammen binne fakentiids yn ‘e rin fan de tiid ferkoarte ta Postmus, Postma, Post ja sels ta Pasma en komme in protte (it meast) foar yn Fryslân of krekt der bûten. De jonge of it famke krige meastal de namme fan de ferstoarne heit. Yn de Berltsumer- en oare doopboeken is it fakentiden in opmerking.
In hieleboel Latynske nammen binne oannommen troch Fryske studinten oan de universiteit fan Frjentsjer. De Berltsumer dûmny Nolle Haaijes waard sa bgl. in Nollius Hajonides. Ds. Vincentius Hempenius wie yn of om 1575 hinne yn Hempens berne. Wytze waard in Vitus, Wiggele waard in Viglius en Watse waard in Valerius, omdat de letter W. yn it Latyn net foarkomt. Sa komt de letter Z. yn it Frânsk net foar om mar wer in foarbyld te neamen. Yn it Latyn wurde de I en de J en de U en de V as ien letter brûkt. Yn it Ingelsk is de W. in dubble V. (dûbele V.) Yn it Frysk sil in wurd nea mei in V begjinne of it moat in lienwurd wêze. Útsein in CH komt de C yn de Fryske stavering net foar. De Q, X, Y en Z allikemin. Sa hat eltse taal syn eigenaardichheden. De efter-namme, van BELKUM, komt fan ien fan de âlde Berltsumer doarpsnammen, t. w. BELKUM. De Biltstalige ynwenners fan (op) it Bilt neame ús doarp no noch sa. Zwolle wie earder SWOL. Wy Friezen neame dy stêd no noch sa yn ús taal. De namme, van Swol, komt ek foar as efternamme. Fan de gemeente MENAMERADIEL binne spitigernôch gjin registers fan namme oannames bewarre bleaun. Mar wat sei Shakespeare hast ek al wer ..... ......
HEMMEMA, ROORDA, van GELDER, QUADE® etc. binne hiel âlde BERLTSUMER nammen.
Frjemdernôch is, dat mei de ynpoldering fan IT BILT (1505 - 1508) de sibbenamme Gelre, Gelder, van Gelder ûnskiedber ferbûn is. In namme hjir ek wer oan ferbûn is de sibbenamme Seps. (* It is ek de fraach hoe dizze sibbe yn Fryslân kommen is. Dizze sibbe neamde har Gelder of van (de) Gelder en koe oanspraak meitsje, troch harren ôfkomst, op de heerlikheden Haeften, Herwijnen en Hellou, dy ’t yn it eardere Hartochdom GELRE leinen. (Sjoch ek H. Sannes. Bilts histoarikus. Hja wienen ek bedreaun yn it ynpolderjen, grûnwurkjen en yn alles wat dêrmei gearhong, miende ik wolris lêzen te hawwen.) De wapen oerienkomsten tusken de sibben Seps en (van) Gelder en de sibbe van Haeften binne ek opmerklik.
Beide sibben fiere blyndoekte Moarekoppen. Dat yn twa fier fan inoar lizzende plakken yn ús lân sibbewapens mei Moare-koppen foarkomme “kin” op sibberelaasje tsjutte. Wierkynlik binne hja ûntliend oan sibbeleden dy ’t yn de tiid fan ‘e Krústochten dizze Moaren (Sarasenen) bestriden hawwe op harren reizen nei it Hillige lân, de saneamde Jeruzalimfaarders. Der wurdt wol sein, dat de blyndoekte Moare-koppen op de eardere saneamde hearebanken yn de Koepeltsjerke fan de sibbe van Gelder ôfkomstich binne, mar dat is lang net wis, al leit it wol foar de hân. It wapen kin ek wol fan de Roordasibbe ôfkomstich wêze. De blyndoekte Moarekoppen komme ommers ek yn de Roorda sibbewapens foar. Hette van Hemmema, stoarn yn 1489, soan fan Doeke van Hemmema en Hil van Onsta wie boaske mei Syts van Roorda, dochter fan Ruurd van Roorda en Ath Jaersum, stoarn yn 1485. De Hemmema ‘s binne besibbe oan de Roorda ’s en hienen yn de âlde krús-tsjerke ek al hearebanken, wa wit, kamen dêr de beide wapens tegearre op foar. Wa sil it sizze. De (Berltsumer) Roorda ’s hawwe, krekt as dy fan Ginnum, it Noardlikste doarpke fan de 4 flieterp doarpkes yn de Dongeradielen mei in 12e ieusk tsjerkje mei sealtektoer, ek oan de krústochten meidien. Hjir leit Sybe van Roorda begroeven. Hy is yn de slach by Boksum yn 1568 dêr omkommen. Opmerklik is, dat de Moarekoppen op de Roorda wapens yn de tsjerke blyn-doeke binne en op de stiennen bûten de tsjerke net. De Mohammedaanske Moaren mochten yn de Kristlike tsjerke net “rûn sjen”, sa gie it ferhaal.
Blyndoekte Moarekop
(* Bysûnderheden út 1621 en 1686 út de sibbe Gratama docht de fraach opkommen hoe’t de namme Seps yn Fryslân kommen is. Dúdlik blykt dat de sibbe yndie in soarte fan kompanjonskip yn it oannimmen fan grûn- en wetterwurken foarme dat mooglik rêste op in lange famylje-tradysje, mooglik behearde de famylje van Gelder ta it staach dy’t dit privileezje en in jierenlange ûnderfining mei dizze wurksumens hie. Eartiids waarden ommers oan bepaalde sibben beskate ambachtsprivileezjes takend, dy’t ferervden fan heit op soan.
Wer oaren wolle hawwe dat de blyndoekte Moarekop eat mei de slavehannel te krijen hat, mar dat is, krekt as mei swarte Pyt it gefal is, ek NET te bewizen. Sa hawwe bygelyks de Switsers ek harren Swarte Pyt en dy hawwe nea oan ‘e hannel yn slaven dien.
De ôfdieling ‘Heraldyk fan de Nederlânske Genealogyske Feriening’ stelt dat de Moarekop in “gongber ynternasjonaal heraldysk symboal” is en NEAT te krijen hat mei de Krústochten.
POSTHUMUS in ‘Fryske’ EFTERNAMME.
Sûnt 1811 is de namme Posthumus yn Nederlân en de lannen wêr ’t Nederlanners nei ta emigrearre binne, as famyljenammen ynboargere. Al dizze sibben binne werom te fieren op in Fryske foarheit, want allinne yn Fryslân hat men har by Decreet fan 18 augustus 1811 fan Keizer Napoleon (yn dit gefal) ûnder de namme Posthumus of Postumus ynskriuwe litten by de Boargerlike Stân. De namme komt yn Fryslân it measte foar.
De Romeinske BY - NAMME Posthumus is in juridyske term foar in rjochtsrigel dy ’t foar it earst opskreaun is te ROME yn de 5e ieu foar it begjin fan ús jiertelling. Yn Nederlân betsjut de namme Posthumus: “berne nei de dea fan de heit”. (eardere betsjutting: berne nei de begraffenis fan ‘e heit of de lêstberne út dit houlik fan de mem.)
Marcus Vipsanius Agrippa Postumus (12 foar Kr. – 14 nei Kr.) ek bekend as Postumus Agrippa wie de tredde en jongste soan fan Agrippa út syn tredde houlik mei Julia (de dochter fan Keizer Augustus). Hy waard koart nei it ferstjerren fan syn heit berne en krige sadwaande de namme Postumus (hjir yn de betsjutting fan “de lêste” of “lêst berne”. It Latynske postumus is de oertreffende trep fan posterus.
Sa binne der hiel wat FRYSKE nammen werom te kennen oan de útgongen – sma en – stra, (nei heite nammen, plaknammen, pleatsnammen en gean samar troch.) Yn SKOTLÂN komt bgl. de Mac foarm, (Mac Arthur, Mac Millen, Mac Donald etc.) yn IERLÂN de O ’ foarm, (O’ Neil, O’ Conner, O’ Brian etc,) en yn INGELÂN de - son foarm in protte foar. (Johnson, Ericson, Jefferson etc.)
De efternamme fan myn frou is Fahner, wat tsjut op Dútske of Switserske ôfkomst. De sibbe komt fan Switserlân út it Berner Oberlân by Meiringen (it Haslital) wei. Dirkje har foarheit is hjir begjin de 19e ieu kommen as militêr (hiersoldaat) en wat te tinken fan al dy Berltsumer Lautenbach ’s dy ’t oarspronklik út Dútslân (omkriten Dillenburch yn de dielsteat Hessen) weikomme. Ek dizze foarheit wie militêr. Hy tsjinne ûnder “’Us Heit”. In protte Hannekemeaners, keaplju en flechtlingen binne hjir ek hingjen bleaun. (Boimer > Beimers, Hunkemöller, Schweigmann, Born, Scherjon, Hacquebord ets.) It VATIKAANSKE (PAUSLIKE) leger bestiet ek no noch út (jonge R. K.) Switserske hiersoldaten, ek wol de Pauslike zouaven neamd.
Sjoch: efter nammen en by nammen. (Ctrl + F) efternammen, bynammen.
De efternamme ZIJLSTRA yn MENAMERADIEL.
De boeken fan namme oannames yn MENAMERADIEL fan 1811 binne spitigernoch ferlern gien. In namme dy ’t no in soad foarkomt is dy fan Zijlstra. In protte wennen by in syl of wienen ôfkomstich fan in gehucht (Kiestersyl, Roptasyl, Ritsumasyl,) of doarp (Âlde Biltsyl) mei dêryn it wurd syl. Fan guon minsken is dit net te efterheljen. Dêrfoar kaam de namme Zijlstra yn Fryslân hast net foar. Yn BERLTSUM wenne in Dirk Ates dy ’t ferstoarn is om 1776 / 1777 hinne. (Specieboeken) Hy wie boaske mei in Doetje Martens. Hja is letter opnij troud mei in Rinze Jans, ek fan BERLTSUM ôfkomstich, en binne doe nei Penjum gien te wenjen. De soan út it earste houlik fan Dirk Ates, t. w. Ate Dirks Zijlstra is berne te BERLTSUM op 20-12-1775, folwoeksen doopt te BERLTSUM op belidenis op 23-5-1811, troud op 6-7-1806 te BERLTSUM mei Mintje Hendriks Meijer en stoarn te BERLTSUM op 10 -11-1826 en wie hjir, krekt as skipper Jacob Rinses Hager (om 1824 hinne) en in protte oaren om dy tiid, skipper en gernier. Hy nimt de namme Zijlstra oan. (is ôfkomstich fan Âlde Biltsyl) Syn bruorren wiene Hendrik en Dirk Ates Zijlstra. Suster Douwtje troude in de la Sue. Hjir is op 10- 9-1809 in Sybren Joukes Zijlstra troud, hy is berne yn Froubuorren yn 1753/1754 en stoarn te BERLTSUM op 21-3-1832. Hy wie hjir gernier en op 10- 9-1809 troud mei Sytske Klazes de Jong , dy ’t berne wie te Jorwerd om 1773 hinne en ferstoarn te BERLTSUM op 12-8-1821. Sybren is hjir op belidenis doopt op 22- 5-1829. Ek hy hie de efternamme fan Zijlstra oannommen. Yn WIER wenne in Homme Pieters, berne yn 1737, arbeider, en ferstoarn te Bitgum yn 1760 / 1761. Hy hie op 26 -3-1939 belidenis dien te WIER en wie op 20-12-1737 troud mei Ank Gepkes, ôfkomstich fan WIER en foar de twadde kear troud op 18- 3-1742 mei de op 11- 4-1743 te WIER belidenis dien hawwende ek fan WIER ôfkomstige Tjitske Klazes, Hja hawwe harren letter yn Bitgum ta wenjen set, wer ’t Homme ek wer arbeider wie. Fan harren soan MEILE Zijlstra stamme in protte Berltsumers ôf. (Meile de Haan, Meile Post.) De Kiestra’s komme fan Kiestersyl en wat te tinken fan de bekende Fryske reedrider en mearfâldich wrâldkampioen Rintsje Ritsma. Syn foarâlden komme fan Ritsumasyl.
L. C. 18-10-1980.
In redakteur fan de Ljouwerter Krante oer de reis fan Jacob van Lennep en syn maat Dirk van Hogendorp (* dy ’t yn it begjin fan de 19e ieu (1823) ek BERLTSUM oandien hawwe op harren fuotreis troch Nederlân ..... ......
...... ....... ...... Op de weg naar BERLIKUM stonden er in van Lennep ’s dagen geen opvallende staketsels zoals een hulpzender-antenne bij Ried of veevoer containers. De boschage rond BERLIKUM is gemillimeterd. Maar de Koepelkerk staat er, fraaier dan ooit, want zij is net gerestaureerd voor drie miljoen gulden, twee honderd jaar nadat de kerk in de koepel-versie was gebouwd. De dominee (Chr. S. Verwoert ) van de Hervormde gemeente in BERLIKUM, die 600 zielen telt, was zo vriendelijk me rond te leiden in deze bijzondere kerk, die mede tot stand kwam door de Grietman van MENALDUMADEEL, de hoogwelgeboren heer jonkheer George Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. (EN NO GIET DE FANTASY fan de skriuwer op ‘e rin ..... ...... DEZE jonkheer was er trots op slaven in dienst te hebben. Hij had dan ook in hout gebeitelde slavenbeeldjes op zijn kerkbank staan. Ze zijn er nu nog te zien .... .....) Een aardige bijzonderheid waarover van Lennep niet repte: in deze kerk is in de gewelven een kraamkamer van de vleermuizen uit de Limburgse Pietersberg. Elke zomer komen de vrouwtjes naar dit huis der Heeren om er hun jongen te werpen. De mannetjesdieren mogen dan de kerk niet in van de vrouwelijke vleermuizen.
(* Fuotnoat:
Dirk van Hogendorp kaam út in regintesibbe. Syn foarâlden w. û. Dirk van Hogendorp (1761-1822) koe mei rjocht in man fan ‘e wrâld neamd wurde. Berne yn Rotterdam en opwoeksen yn Den Haag waard hy tegearre mei syn jongere broer Gijsbert Karel (1762-1834), noch mar 12 jier âld, nei Prusen stjoerd om dêr in militêre training te folgjen, te studearjen en dêr oan it hôf fan Frederik de Grote goede manieren te learen. Sa ’n gong nei Prusen wie net in standerd ûnderdiel fan de opfieding yn regintesibben ûnder de neidagen fan de Republyk. It wie te tankjen oan de goede kontakten dy ’t de mem Van Hogendorp ûnderhâlde mei de frou fan steedhâlder Willem V. Wilhelmina van Prusen, dat de beide bruorren fier fan hûs fuort in nij hûs fûnen. Sawol Gijsbert Karel as Dirk binne harren mem en Wilhelmina dêrfoar libbenslang tankber west. Tagelyk seagen hja it as harren ropping te striden foar de ear fan ‘e sibbe. En dat hawwe hja , al wie it mei wikseljend sukses, mei gloede dien. Dirk waard findeldrager fan Frederik de Grutte. Hy skopte it hast ta gûverneur-generaal fan Nederlânsk Ynje. Doe ’t hy it lykwols weage it korrupte V. O. C. bewâld dêr oan te klaaien en pleitte foar it frijlitten fan slaven, helle hy de grime fan ‘e bewâldfierders op ‘e hals en ûntkaam amper oan finzenskip.
Gijsbert Karel van Hogendorp wie koarte tiid allyksa findeldrager fan Frederik de Grutte, mar koe it militêre bestean fysyk net oan. Hy siet leaver mei de noas yn ‘e boeken of reizge hy om te sjen hoe ’t de Amearikaanske steat en maatskippij mei fallen en opstean prebearren foarm te jaan, nei harren losmeitsjen fan Ingelân. De Grûnwet dy ’t hy foar it nije Keningkryk fan ‘e Nederlannen skreau wie ynspirearre troch de petearen dy ’t hy mei inkelde fan ‘e earste presidinten, mei namme Thomas Jefferson en John Adams, hie. Hy hie altyd in ôfgriis hân fan it gewelddiedige en utopyske karakter fan de Frânske Revolúsje. Hy wie ek dejinge dy ’t it inisjatyf nommen hat om Willem I. yn te heljen as nije foarst. Dat betsjutte net dat hy him kritykleas folge. De ekonomyske polityk fan de kening – dy ’t tsjin frijhannel wie, in belied dat ta hieltyd gruttere skulden laatte – like him jammerdearlik. Hy pleitte der dan ek foar om de minister fan Finânsjes ferantwurdlik te meitsjen foar de folkshúshâlding. In fûleindige konfrontaasje mei de kening wie it gefolch. Gysbert Karel is fan grutte betsjutting west foar ús nasjonale skiednis.
L. C. 4-1-1980.
Gedicht door Ineke Verwoert te BERLIKUM
13 jaar.
L. C. 31-7-1980.
(Hja is de op ien nei jongste dochter fan de 5 dochters fan ds. Chr. S. Verwoert.)
DE YNFRASTRUKTUER / KEUNSTDONG.
De fuotreis fan de beide manlju hat sawat trije moanne duorre. De beheinens yn de ynfra-struktuer makke reizgjen net konfortabel. Mei de oanliz fan in wiidweidich net fan keunstwegen en kanalen soe pas 10 jier letter begûn wurde. Hja wienen studinten en kamen út de Hollânske élite. Yn 1823 wie Nederlân noch in agrarysk lân mei noch in soart natuer en hast gjin yndustry. De bewenners wienen noch sterk op harren stêd, doarp of omkriten rjochte. Twa/tredde fan ús lân wie noch tin befolke. Foaral op de sângrûnen wennen noch net folle minsken, lykas yn it eastlike part fan Fryslân, op de Feluwe, Drinte, Twente, de Efterhoeke etc. Pas nei de komst fan de keunstdong feroare it lânskip en waard it yn dy gebieten woltieriger, mar ek de opkommende yndustralisaasje hat dêryn in grutte rol meispile. Bewapene mei oanbefeljende brieven fan harren âlders en heechlearaars giene se op besite by de Nederlânske élite lâns. Hja waarden net altyd waarm ûntfongen op de rekommandaasjes. Sa waarden hja troch de dûmny fan Dokkum al gau wer de doar útstjoerd, omdat hy te kinnen joech, dat hy gjin tiid foar de beide manlju hie.
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
EFKES RÛN SJEN.
Stapt bline Sjirk v. d. G. mei syn begliedehûn, alhiel rinnend fan Bitgum kommende, de winkel fan “Agra-Totaal” yn de Bûterhoeke yn
en giet mei de hûn yn it rûn om te rinnen.
Hy draait mar rûntsjes.
It giet mar troch en Durk Pieter Westra opstrewearret dit barren mei oandacht fanêfter de toanbank.
Hy rint op Sjoerd en de hûn ta en freget: “Wat wol Sjoerd ? Sykje jo wat ?
“Nee”, is it antwurd, “Ik sjoch allinne mar wat yn it rûn”.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 12-1-2007.
BOUWSTOP DREIGT VOOR KASCOMPLEX BERLIKUM.
BERLIKUM – De Gemeente Menaldumadeel overweegt de bouw van een kassencomplex aan de Noordkant van BERLIKUM stil te leggen na klachten van omwonenden. Aan de Moddergatsreed wordt door een ondernemer uit Marssum momenteel druk gewerkt aan een nieuw kassen complex, maar volgens wethouder Marja van der Meer van Menaldumadeel wordt meer grond bebouwd dan de 3300 vierkante meter die in de verleende vergunning staat. “Dit is in feit”, aldus van der Meer. Klaas (Douwes) van Dijk van het in de Bûterhoeke gevestigde bedrijf “Agra-Totaal”, dat aan de Oost Indische Opvaart is gevestigd: “Hij hâld him net oan de rigels en de gemeente is bang foar skeaklaims” etc. ......... ........... Bewoners van de Bûterhoeke ageerden eerder tevergeefs tegen de afgegeven vergunning voor de kassenbouw. Volgens hen komt het complex te dicht op hun woningen te staan. Ook vinden ze dat door het toestaan van meer glastuinbouw aan de noordkant, BERLIKUM te zeer door kassen wordt ingesloten. Wethouder van der Meer verwacht dat begin volgende week duidelijk is of de bouw wordt stilgelegd.
L. C. 12- 9- 2007.
EEN ‘PARADYSKE’ in de Bildtse jungle.
(Foar de goede oarder, it is net de Biltske- mar de Menameradielster jungle. W. H. P.)
Mei hûnen, in kat, in baarch en in geit hat Marinus Riedstra in plekje grûn wêr’t hy himsels wêze kin.
Boven een vergeten ruigte van elzen, wilgen en brandnetels langs het Moddergat tussen WIER en BERLIKUM wappert de Nederlandse driekleur. In het water ligt de kajuitboot van Marinus Riedstra. Hier is hij niemand tot last. Doch: Dorpsbelang WIER heeft al geklaagd. De jeugd van WIER valt hem regelmatig lastig en pleegt vernielingen. Riedstra past niet in een keurslijf. Hij vindt het jammer dat de maatschappij hem niet wil accepteren, zoals hij is. etc. ............ .................
(foto: Yn de kajútboat fan Marinus is it in gemoedlike disoarder.)
DE DOOPHEFFER.
De man wie hast altyd de doopheffer. Wie hy net doopt of fan in oare tsjerke of om d ’ien of oare reden net yn steat om by de doop oanwêzich te wêzen, dan waard it bern troch de mem ten doop hâlden of troch oare ek tsjerklike famyljeleden. De reden fan it net optreden as doopheffer troch ien fan de âlders waard hast altyd oanjûn.
Samar in pear FOARÂLDEN fan BERLTSUMERS dy ’t noch yn ‘e âlde Berltsumer Krústsjerke “Sint Michiel” doopt binne:
Ludser, berne 25-5-1772, doopt 25-6-1772, soan fan Pieter Sjoerds (Peterzon) en Tietje Ludsers. Taeke, berne 11-7-1772, doopt 7-8-1772, soan fan Kornelis Eeltjes (Schiphof) en Teatske Reins. Daniël Ymes, berne 26-11-1772, doopt 20-12-1772, soan fan Ieme Daniëls (van Schepen) en Iefke Joukes. Heerke, berne 27-1-1773, doopt 21-2-1773, soan fan Berend Heerkes (Klaver) en Heiltje Salves. Klaas, berne 1-2-1773 yn it KLEASTER - ANJUM, doopt 7-3-1773, soan fan Klaas Wops de Groot en Hendrikje Klaases (Kuik). Lolke, berne 3- 7-1773, doopt 8- 8-1773, soan fan Klaas Klaasses van Gelder en Maartje Lolkes. Horatius, berne 8- 8-1773, doopt 29- 8-1773, soan fan Klaas Horatius Lautenbag en Dirkje Hendriks. Horatius, berne 17- 4-1774, doopt 8- 5-1774, soan fan Jacobus Horatius Lautenbag en Pietje Feddriks. Lutske, berne 13-4-1774 te Sint Jabik, doopt 22-5-1774, bern fan T(h)omes Wiebes (Westra) en Hiske Obbes. Geertje, berne 4-4-1775, doopt 30-4-1775, bern fan Pytter Theunis (Runia) en Sjoukje Daams (van der Steeg). Baukje, berne 10-9 -1776, doopt 27-10-1776, dochter fan Pieter Keimpes (Reitsma) en Janke Tjeerds. Ien fan de beide lêstneamden is ûnder in tsjerketsjins by dûmny Gerhard van der Tuuk stoarn.
BOEKEN en CONTRA-BOEKEN.
Yn 1772 waard troch de Steaten fan Fryslân oplein om Doop- , Lidmaten- , Trouboeken en Kontra-boeken by te hâlden troch de kosters of masters. Elts jier waarden de beide boeken fan hegerhân neisjoen en meiinoar ferlike. De Kontra-boeken mochten net op itselde plak bewarre wurde en moasten minimaal op 50 meter ôfstân fan de Originali-boeken op in oar plak bewarre wurde. (De Berltsumer tsjerkeboeken binne hjir yn of direkt al nei de tiid fan dûmny Petrus Nota spitigernôch fuort rekke. Mochten se ûnder de bou fan de Koepeltsjerke yn 1777-79 op “Great Terhorne” telâne kommen wêze, dan soenen se by de ferkeap fan de biblioteek dêr yn 1864 ûnder de útselektearre boeken as fan “net mear fan belang” en ek ferneatige wêze kinne.