WENTEN MEI IN FERHAAL

Yn 1834 kocht doedestiids Teake Klases Lautenbach (1785 - 1858) in stikje bougrûn oan de Bûterhoeke, lizzende tusken de no dimpte haven en de dimpte eardere saneamde “Ybeltsje haven“ (wêr ‘t no it hok hearrend by Bûterhoeke húsnûmer 26 op stiet ),bewenne troch de famylje Jouke Best en noch wer earder jierren lang bewenne en brûkt troch it transportbedriuw fan Popke Jan ’s Visser. Dizze Teake Klases Lautenbach hie hjir in hôfke fan makke. Teake Klazes Lautenbach, (de soan fan Claes Teakes en Wapke Lautenbach Horatius ‘dochter, dy ’t de efternamme Lautenbach fan syn frou oannommen hie), wie boaske mei Eva Douwe ’s Voermans. Dy syn soan wer, t. w. Klaas Teake ’s Lautenbach (1819 - 1903) wie boaske mei Anna Ebbing ’s Kiestra. Syn bern: Ebbing Klazes Lautenbach, troud mei Pietje Joh ’s. Douma, en Eva Klazes Lautenbach, troud mei Heerke Nanne ’s Osinga hawwe letter troch fererving elts de helte fan dit stikje hôf yn besit krigen.

Ebbing Klazes liet op de iene (eastlike)helte in lossteand hûs sette, no Bûterhoeke húsnûmer 16. Hidde Wibius Born O. sn hat hjir letter jierren lang wenne en no wennet hjir syn pakesizzer. De trije bern fan Heerke Nanne ’s Osinga, t. w. Anna Heerke ’s Osinga, boaske mei Johannes Steenstra, Nanne- en Klaas Heerke ’s Osinga hawwe op de oare (westlike) helte in rigel fan trije wenten sette litten, no mei de húsnûmers 18. 20. en 22. Hjir wennet no op húsnûmer 18 in soan fan Rintje Pieter ’s Rekker en op de húsnûmers 20 en 22 de famylje Feico Jeep ‘s Heida. Feico Jeep ‘s Heida is, fan syn memme ‘s side, besibbe oan de niisneamde bewenster (Born) fan húsnûmer 16. Dit is sa mar in foarbyld hoe ‘t in strjitte oan syn huzen kommen is en de wize wêrop.

Bûterhoeke yn Berltsum

It is mei de húsnûmers Buorren 3 en 11 wer in oar ferhaal. De huzen wienen eartiids mei in tuskendoar meiinoar ferbûn. Buorren húsnûmer 11 bestie al lang en húsnûmer 3 is dêr letter oan fêstboud, dat de âlder(s) en bern skieden wenje koenen en dochs meiinoar ferbûn wienen. (bakker Paulus W.(eslingh) Lublink, hy is letter nei 27 jier opfolge troch bakker Halbe B. Algra. *). It gebou oan It Skil (boud yn 1930) húsnûmer 2 wêryn ’t de Fryslân Bank sitten hat wie foarhinne ”It Griene Krús” gebou en dêrfoar de wente fan dokter Bote Gosse ‘s Bruinsma, troud mei Maria Elisabeth de Ringh, dy ’t him hjir yn 1888 fêstige hie. Syn pake wie de mei oprjochter fan de P. C. en hjirfan yn 1853 de earste foarsitter. Hy is yn 1893 wer fuortgien nei Amsterdam. Syn foargonger is my net bekend of it moat dokter Risselada west ha, mar dy sil dan de yn 1868 nei Drachten ta fuortgiene ‘genês– hiel- en froedmaster ‘ Hendrik Beintema wol opfolge wêze. (H. Beintema wie Klaas Bartele ’s Hoogterp jr. wer opfolge). Dokter B. G. Bruinsma (ein 19e ieu) is yn 1893 opfolge troch dokter J. A. v. d. Sluis. Dêrnei J. H. Blankstein. Blankstein wie net sa achtenearre by de Berltsumers lykas ek net syn opfolger yn 1909 dr. Jacob Kwast sr. In protte minsken binne doe nei omlizzende doarpen gien te “dokterjen”. Dokter Theodorus Risselada hat fila “t Berghof ” op it âlde Hemmema bouwe litten. (húsnû. 3.)

Dr. Jacob J. Kwast sr. (troud mei Euphémie Wilhelmine Susanne Zur Mühlen) earst ek wenjende op It Skil húsnûmer 2 bewenne letter it pân Hôfsleane húsnûmer 52. Syn soan, dokter J. Kwast jr. (troud mei A. M. L. van Zoelen), wenne hjir letter wer as syn opfolger en hat as earste yn Nederlân it massale ynintsjen tsjin polio hjir yn BERLTSUM tapast.





(Foto: Yn'e midden it doktershûs nûmmer 52 oan de Hôfsleane )

Hy hat ek de earste stien lein fan it Wykgebou fan “it Griene Krús” oan de Hôfsleane húsnûmer 57 (it gebou wêr ’t no A B Fryslân Euro- point útstjoerburo yn sit). Yn ien fan de fundaminten is in leaden koker pleatst. Dizze koker befet neist de tekening en it bestek fan it nije wykgebou, foto’s fan it âlde wykgebou, fan de grûn fan it nije wykgebou en fan de “snertaksje” dy ’t doe holden is om jild byinoar te krijen foar dit nije gebou. Dokter Freerk de Boer is him yn 1965 opfolge en no wennet hjir sûnt 1-4-1994 dokter René A. Comello.

Ynenting tsjin Polio (Berne ferlamming)

Grienekrúsgebou (Wer't no AB Fryslân yn sit)

It pân Ir. Van der Slikkeleane húsnûmer 2 wie it P. T. T. Postkantoar en húsnûmer 2/a de “Rabo bank”. Dêrfoar siet it Postkantoar oant 1969 yn it pân op de hoeke Buorren/Krússtrjitte. De “Coöp. Voorschotbank”, letter “de Fryslânbank”, siet earst oant 1969 yn it pân Bitgumerdyk húsnûmer 10. Hjir wenne doe as kassier Dirk Willem ’s Lautenbach, sûnt 1939 de opfolger fan G. L. Boomsma. Letter wenne hjir Hendrik Schat mei syn benzine stasjon en noch wer letter fytsmakker Sake Frânses Faber. Doarpshûs “It Heechhout” wie foarhinne, de nije yn 1964 boude túnbouskoalle. Dêrfoar wie de skoalle sûnt 1922 fêstige oan de Hôfsleane yn it pân neist it âlde feilingsterrein. Dit wie yn it yn 1917 nijboude foarhinne net salang bestien hawwende kafee fan Tiemen Westerbaan mei de namme “de Aardappelbeurs”. It âlde kafe mei deselde namme stie earst oan de Tichelersdyk (tusken no de húsnûmers 10 en 16) en wie yn it lêstoan bewenne troch de kastleins Jan Kornelis Durksz oant 1914 en Tiemen Westerbaan oant 1917.

Âlde grifformearde tsjerke oan de Wiersterdyk

It hege en grutte pân Wiersterdyk húsnûmer 17 wêr ’t no “Pension Welgelegen” yn sit wie foarhinne de Grifformearde tsjerke mei de pastorije. It hege hûs oan de Hôfsleane húsnûmer 60 mei bedriuwsromte (boud yn 1932) wie foarhinne it garagebedriuw fan Cor Rotgans. Yn de Mulseleane hawwe somlike túnkers/hôfkers harren hûs op in eigen (rom) stikje grûn sette litten. De huzen oan de (Jan) Haquebart- en de Sybe- (Osinga) streek en de (Huite) Borns- (> Bonne) buorren, no allegearre al wer slope, wienen delset foar jildbelizzing. De huzen stienen hiel deun op inoar op in lyts stikje grûn. De frijsteande huzen Bûterhoeke de húsnûmers 49, 51, 53, en 55 koenen foar arbeiders delset wurde en kocht middels in stypefûns dy ‘t it foar lânarbeiders mooglik makke in eigen hûs yn besit te krijen. De Balkfeart dy ’t foar dy fjouwer huzen lâns rûn is doe in 60 meter dimpt op kosten fan de lânarbeidersferiening en de gemeente hat de rioelearring yn de Bûterhoeke doedestiids ferlingje litten. Ik tink fierders oan de ôfbrutsene (súvel)fabrykswenten op de Terp op de hoeke Hôfsleane/Lytsebuorren (no tún mei paden en parkearplakken foar “Berlinga State”) en gean sa mar troch. Elts lossteand hûs of rygje wenten yn BERLTSUM hat sa syn eigen ferhaal. Samar in pear nammen fan wenten: “It Fearhûs” oan de Piip, “De Ramshoarn” op de hoeke Buorren/Ramshoarnstjritte, (dit hûs, belêste mei in grûnpacht oan ‘e earmen fan ‘e tsjerke fan BERLTSUM en in stim, waard yn 1721 verkocht troch Romke Jansen en Ytske Tjeerds oan Isabella Suzanna thoe Schwartsenberg - Carlson), it “Grôthuis” **) yn de Lytse Buorren, it hûs mei de namme it “Swarte Krús,” “De Beurs” oant 1874 by Sjouke J. van der Leij yn eigen gebrûk en dêrnei troch in Job Andries de Jong fan Easterbierrum ôfkomstich. Loazjemint “It Metalen Krús” (is yn 1879 tige grut fertimmere). It “Blaauwe Hûs” en it “Heege Hûs” allegearre yn de Buorren.

*) Fuotnoaten:

Bakker Halbe B. Algera is fan fierens besibbe oan de him hjir folle letter fanút Garyp yn BERLTSUM te wenjen set hawwende timmerfeint Bote Eelkes Algra. Harren mienskiplike foarheit is in Gielt Algera dy ‘t om 1424 hinne yn de omkriten fan Suwâld berne is. Dus al in hiel âlde sibbe mei in efternamme. Neikommelingen fan Bote rinne hjir no om mei de nammen Keimpe, Boate, Eelke, Douwe etc. Sawol de Alg(e)ra’s as de Algra’s binne dus famylje fan inoar. De hjir fan 1915 oant 1922 oan de C. N. S. skoalle stien hawwende skoalmaster en lettere (A. R. P.) senator Hendrik Algra (1896-1982) komt ek út dit skaai. Hy, de “godfather” fan de Fryske grifformearden, waard ek wol de “grifformearde paus” neamd. De namme Algra is ûntliend oan de troch stamheit Gielt bewenne pleats Algera. (Algera betsjut: soan fan Alger). Gielt (Gjalt) wie mei-ûndertekener fan it ferdrach fan eigenierden fan Ryptsjerk en Tytsjerk en de stêd Grins. Register fan oanbring 1511. Hy besiet dêr “zeedland”, “meeden” en “Fenneland”. Hast alle Alg(e)ra’s binne oan inoar besibbe.

**) Grôt (gort, potmarge) komt fan pelle koarn (gerst). Pelmûnen stienen oeral yn Fryslân, ek yn BERLTSUM. Oant fier yn de 19e ieu behearre soepenbrij – grôt searn yn sûpe (karnemelk) - ta it deistich miel. Yn BERLTSUM iten ek de measte húshâldings, neist ierappels en griente, in panne sûpengrôtenbrij of sûpenmoallenbrij (karnemelkse bloempap) as ôfslúten fan it waarme miel. It heucht my noch, dat wy it as bern net troch de kiel krigen, dat kliemske iten. Wy iten dan noch leaver hjouwergrôtenbrei (havermoutsepap). Ús pakes, beppes en âlden koenen dat net begripe. Letter kaam yochert en giele of brune fla mear yn swang as neigesetsje. Hûndert jier ferlyn wienen der noch 10.000 mûnen yn bedriuw yn Nederlân. No binne der noch 1200: 1048 wynmûnen, 108 wettermûnen, en in rige lytsere (tjaskers, greidmûnen en Amearikaanske wynmotoaren) Koarnmûnen meale nôt ta moal. Dat is de grutste groep. Dan binne der houtseachmûnen, pelmûnen (slaan oalje út sied) en (selsum) papiermûnen. Poldermûnen hâlden it wetterpeil ûnder kontrôle.

L. C. 1-6-1903

GEDACHTEN EENER HUISMOEDER

Als hoofdartikel van het Weekblad voor Vrouwen “De Huismoeder” dat onder hoofdredactie staat van Marie van Amstel, verscheen onlangs een met eene kleine vergulde zilveren medaille bekroond artikel van eene gewestgenoote, mevrouw M. E. Bruinsma –van Ringh uit BERLIKUM. (de frou fan de Berltsumer húsdokter) We willen onze lezers – en speciaal onze Friesche huismoeder-lezeressen met haar ernstige woorden in kennis stellen en vergunnen ons daarom het artikel over te nemen. etc. ....... .......

L. C. 24-6-1910.

GEVESTIGD TE BERLIKUM

J. A. van der Sluis, Med. Docts. Arts. Hotel van der Meulen.

(Dit wie by Tiede H.(anses ) van der Meulen yn Hotel “Hof van Holland.”)

L. C. 2-10-1936

KABAAL IN DE KNIKKERSTEEG.

(Waard ek wol de Hortensialaan neamd en hat no de namme Jacob van Tuinenstrjitte)

Te BERLIKUM is dat geweest. Het proces-verbaal spreekt van een volksopstand aldaar, maar dit wordt door alle drie getuigen ontkend. De juiste toedracht van de zaak is moeilijk te onderkennen. H.(arm) J.(asper) te BERLIKUM vertelt als volgt: Er was ruzie geweest onder de kinderen der gezamenlijke bewoners. Ook die van de verbalisant rijksveldwachter B.(akker) hadden daaraan deel. Volgens opinie van J. zouden die kinderen meer recht meenen te hebben dan de anderen krachtens de positie van hun vader. En dat dan ook de feitelijke oorzaak is van de minder aangename verstandhouding tusschen de bewoners aldaar. Toen de ruzie geluwd was bleef een kleine groep ouders, totaal vijf of zes, nog eens napraten. Dit blijkbaar tot ergernis van den verbalisant, die hen aanmaande uitéén te gaan, welk bevel niet opgevolgd werd. Deelneming aan een volksoploop aldus. En op last van gezag niet verwijderen, daar gaat het om. D.(ooitje) (Popkes) S.(chram), timmerman, ook getuige, vertelt gelijkluidend. etc ...... ...... Het Openbaar Ministerie vindt het wenselijk dat de zaak tot nader order wordt uitgesteld.

L. C. 5-5-1917.

Café “De Aardappelbeurs” te BERLIKUM thans verplaatst naar de Achterweg naast ‘t Nieuwe Veilingsterrein. Telefoon Interc. No 9

Aanbevelend, T. Westerbaan.

(Yn 1919 waard him troch de gemeente fergunning ferliend om in serre of feranda foar syn kafee te bouwen.)

L. C. 18-10-1997

Sloop asbest pand komt bejaarde duur te staan.

BERLIKUM – De gedwongen sloop van gebouwen aan de Pôlle te BERLIKUM komt gebruiker Gerrit Bosma (79) uit Menaldum duur te staan. In de kweekkas annex kippenhok naast zijn vorige woning was asbest verwerkt. Met het oog op de volksgezondheid heeft de gemeente Menaldumadeel voor het opruimen een gespecialiseerd bedrijf ingeschakeld. De rekening van bijna fl. 60.000,- is voor Bosma etc. ..... ...... Millieu ambtenaar Rikus Sinnema erkent dat de kosten behoorlijk hoog zijn. Daar staat tegenover, volgens hem, dat de verkoopwaarde van de woning na de opschoning aanmerkelijk is gestegen. Het pand staat te koop.

Foto: Frijfeint Gerrit (Jan Piers) Bosma (yn in rolstoel) op het erf voor de woning waar hij tot voor kort woonde.

L. C. 31-1-1920.

VOORLOOPIG BERICHT.

HERBERG - BERLIKUM. Op nader te bepalen tijd zal publiek worden verkocht: De in 1917 nieuw gebouwde HERBERG “De Aardappelbeurs”, waarin vergunning tot verkoop van sterken drank, met garage voor automobielen, aan den Franekerdijk (is de Hôfsleane, en de lettere túnbouskoalle fan 1922) te BERLIKUM, in eigen gebruik bij den heer T. Westerbaan. Het perceel is gunstig gelegen onmiddelijk aan het nieuwe Afslagterrein en bij de Leeuwardervaart, levert een zeer ruim bestaan op. Inmiddels uit de hand TE KOOP. (opfolgjend kastlein wie Jilke Postma)

H.(endrikkus) van Hulst, notaris te BERLIKUM.

HIELKUNDIGEN.

BERLTSUMER sirurgyns/genêshearen-hielmasters/dokters, samar in pear nammen:

û. o. yn 1579 in mr. Jacob Aernds, troud mei Hidde Feijckens, om 1656 hinne in medicinae doctor Nathaniël Bernardussoan Fullenius fan Teerns ôfkomstich, op 28-12-1636 troud te Britsum mei Katarina van Hinckena fan Britsum. Nei syn ferstjerren hjir binne syn frou en dochter Henriëtte (Hendrikje) nei Frjentsjer ferhúze, in Johan Andreas Kissel (stoarn yn 1827), in sirurgyn Alexander Samuel Cornelis Mertens, troud mei Martina Berendina van Meurs (plm. 1829 oant 1837, doe nei Arum ferhúze, zij in dochter fan in Wilhelmus Ludovicus van Meurs en Garritje Romijn út BERLTSUM ?), in Johannes de Boer, tr. m. Catharina Joh. Dubbelboer (fan 1847 oant 1852), in Suffridus Nauta Binksma (fanôf 1857 oant 1861 ta, dêrnei te Baard), dêrfoar in Klaas Barteles Hoogterp (oant 1847 ta), in Johannes de Boer (1847), in Henricus Dionysius Lomars tr. m. Trijntje de Vries, in H. Beintema, sûnt 1893 in Bote Gosses Bruinsma, in Theodorus Risselada, dy ’t hjir sûnt 1858 rom 33 jier húsdokter west hat, sûnt 1903 in Johan Hendrik Blankstein tr. m. Maike Willemsen, in J. A. van der Sluis, de dokters J. J. Kwast sr., berne op 4-10-1877 te Koudekerk en Kwast jr., lêstneamde 24 jier oant 15-11-1965 ta, sûnt 1965 Freerk de Boer, en no sûnt 1-4-1994 René A. Comello.

IT ELIXER UNIVERSALIS,

welke weg neemt alle Scheurbuik, stinkende Azem, verwekt een grage Maag, is zeer goed voor Winden en verwekt ordentlyke Deurgang, is goed voor Wormen en ‘t Zyde-wee; van Vrouwsperzonen gebruikt bevordert de Stonden; kan jaren duuren, en verzonden worden. Een Fles beneffens het Gebruik kost 18 Stuivers. Er is een Commissie te bekomen te Leeuwarden by de Koopman Adolph Bery in de Kleine Hoogstraat, te Sneek by de Boekverkoper Zeilstra en te Bolsward by de Boekverkoper Johannes Inses Kramer.

(As men it mar leauwe woe, in middel tsjin ALLE KWALEN.)


L. C. 16-11-1987.

Man uit BERLIKUM (38) wordt vermist.

Sinds 16 oktober wordt de 38 jarige Berlikumer Hendrik Bernard Veldman vermist. De man is volgens de politie ‘geestelijk in de war’. De Berlikumer die huisarts is geweest in Oude Bildtzijl is 1.80 meter lang, heeft een normaal postuur etc. ....... ........

L. C. 3-2-1900.

WESTERGO, 1 Februari. - Wij vernemen uit goede bron, dat de Woningbouwvereeniging “MENALDUMADEEL” 9 doelmatige, eenvoudige aan hygiënische eischen voldoende werkmanswoningen zal stichten in de dorpen Menaldum en BERLIKUM waar nog VELE arbeiders in KROTTEN gehuisvest zijn.

------------------------------------------------------------------------------------------

GEHUWD op 11-5-1882.

Thee Smit, 28 jier âld, berne te Oudeschoot, soan fan Jacob Alexander Smit en Geeske Thee ’s de Jong 22 jier âld, berne te Mildam, dochter fan Lolke Jan ’s de Jong Woudstra en Antje Jimme ’s Brouwer. (Hjir kaam as weinmakkersfeint, de foarâlders fan ‘e Berltsumer slachterssibbe Smit)

GEHUWD op 3-5-1906.

Lolke Smit, 22 jier âld, berne te Peperga (is ek it berteplak fan P. Stuyvesant), soan fan Thee Smit en Froukje Woudstra en Neeltje Lautenbach, 23 jier âld, berne te BERLIKUM, dochter fan Ebbing Klases Lautenbach (1845-1923) en Pietje Douma. (Ebbing Klases Lautenbach siet yn 1892 al 16 jier as âlderling yn it bestjoer fan Kristlik Grifformearde tsjerke fan Bitgum oan ‘e Berltsumerdyk no nûmere 13 dêr.)

(Slachterij Lolke Jacobs Smit, en dêrfoar Jimme, Klaas Smit etc. ........ oan de Hôfsleane 91 en letter oan de Buorren 28 yn foarhinne de slachterij fan Sybren Wopke Spanjer. Syn heit Wopke Spanjer hie de slachterij sûnt 8-5-1920 wer oernommen fan slachter S. Schaaf. Slachtersfeint Arnoldus Fedde ’s Sjoerdsma hat de slachterij oan de Hôfsleane húsnûmer 91 doe fan de Smit ’s dêr oernommen. ( L. Smit hie de winkel oan de Hofsl. yn 1927 kocht fan winkelman H. Miedema)

------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 10-10-1890.

Forkeaping to BERLTSUM.

Woansdei 14 Oktober de jouns 6 ûre by Visser to BERLTSUM, biskriuwing fen in Keapmanshûs mei Groatmakkerij, Skûrre, greate Tún ensfh. In stik Gernierslân ef Tún, alles yn ‘e Bûrren to BERLTSUM.

L. C. 20-5-1997.

De namme BERLTSUM is ûntstien út BERLICHEM (1355) en dat is nei alle gedachten wer ûntstien út Berlingahiem. Yn it foarste diel sit in persoansnamme, wylst de –ing útgong syn neiteam oantsjut. It twadde diel –hiem wol sizze: wenplak. BERLTSUM kin dus omskreaun wurde as: wenplak fan it neiteam fan BERILO.

Rienk de Haan, Taelburo Fryske Akademy.

L. C. 30-9-1775.

Dr. Joh. Mebius, Secr. van Menaldumadeel, zal op Maandag den 2 October 1775. op 10 uur praecys ten Huize van Sybren Jenties (of is it Senties?), Castelein te BERLICUM by Strijkgeld verkoopen: Een Huizinge en Hovinge c. a. staande en gelegen tot BERLICUM, zodanig by Oene Clases cum Uxore als eigenaren bewoond. Wie hier gadinge heeft kome op voorz. tyd en Plaats.

L. C. 14-10-1775.

Idem dito, ut supra. By Provisionele Palmslag op 1 uur na Noen, ten Huize van Sybren Senties, Castelein tot BERLICUM. Geboden is 301 g. gls. 21 st.

(Neffens de Criminele sententies Hof van Friesland wie hy hjir op 22-maaie 1781 noch kastlein)

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

BOOMSMA ANTYKHANNEL.

Komt in frou de antykloads yn by Andele Boomsma op de Pôlle en freget oan Andele: “Is der hjoed noch wat nijs ynkommen?”

Andele: “Frou, frou, ...... Wat tinke jo no sels ......?

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------


(De bruorren Andele en Dirk Boomsma hienen earder yn dizze loads op de Pôlle húsnûmer 1 in jirpelhannel. Andele wenne oan de Hôfsleane op húsnûmer 58 en Dirk op Hôfsleane húsnûmer 68. Noch wer letter is dizze loads oankocht troch van Dijk ’s Keunstdonghannel (Klaas Douwes van Dijk). Lêstneamde is ek eigner fan foeraazjehannel en winkel “Agra Totaal Dierenspeciaalzaak” oan de Bûterhoeke húsnûmer 62.)

L. C. 23-1-1802.

De Secretaris Mebius, zal by de minst aannemende besteeden:

Het arbeidsloon, met de benodigde materialen van reparatien, der navolgende vastigheden. De vernieuwing en reparatien aan agt huizen tot BERLICUM by Jelle Hor.(atius) Lautenbach, Pieter Piers, Claas Tietes, Gerryt Harmens, Tjeerd Theunis (Runia), Jac.(obus) Lautenbach Lieuwe Hanses en Jan Th.(eunis) Ruinia in gebruike.

L. C. 26-5-1989.

Harmonie tussen bloemen en fruit in BERLIKUMER tuin.

FRIES MOZAÏEK.

Door Bonne Stienstra.

(foto: Tjitske (troud mei Durk Heerke ’s Osinga) oan de slach yn de tún. (Ds. v. E. v. H. Strjitte húsnûmer 12) wêr ’t gjin sentimeter ûnbenutte litten is.)

L. C. 13-4-1989.

MENALDUMADEEL spant kort geding aan tegen eigenaar tuincentrum.

School (foarhinne de ( Herfoarme) C. V. O. skoalle, no berne opfang “Okidoki” oan de Mulseleane) gekraakt. (troch Jenne Feico ’s Born.) Hy woe hjir in blomme– en plantesaak yn begjinne.


L. C. 13-11-1999

GEHOORD EN GEZIEN

Jenne (Feico’s) Born uit BERLIKUM hoorde gisterochtend op Omrop Fryslân, dat er in de Grote Kerk te Leeuwarden een belangwekkende studiedag over de hoofdstedelijke historie werd gehouden. Belangwekkende wetenschappers als Yme Kuiper, Meindert Schroor, Auke van der Woud en Hartgert Langman bespraken hoe het met Leeuwarden zo is gekomen, en hoe het nou verder moet. Born bedacht zich geen moment, sprong in zijn auto en toog naar Leeuwarden. ..... “Witte jo ek wêr’t de namme Lienward wei komt”, zo onderbrak Born de betogen over economische factoren, ongelukkige beslissingen en meer van dat. “Ik haw der fansels oer prakkisearre, oars stelle jo sa’n fraach net”, aldus de Berlikumer. “Lienward betekent de terp waarop de leenheeren woonden”, zo hield hij de historici voor. “Leeuwarden hing in de Middeleeuwen het feodale stelsel aan”. “Ik fyn it in skitterend ferhaal” reageerde Schroor. “Mar ik leau der niks fan”.

(Tûnker Jenne Born fan de Mulseleane ( Jenne en Lies) hie mear eigen teorieën oer it ferline. Sa soe neffens him it wurd Mulseleane ôflieden wêze fan Mulsee (Middelsee). De Prikkereed fan Preekersreed, dy’t neffens him yn it ferline, ûnder de ferfolgingen, dêr hâlden waarden en gean sa mar troch. Hy woe ek in boek skriuwe oer it “ynterbellum” sa fertelde hy my. As Jenne syn pillen werris net ynnommen hie (of net ynnimme woe) wie hy altyd tige oeral en it paad ek wer tige bjuster.)