Op de âlde grutte tsjerkeklok fan BERLTSUM dy ’t no sûnt 1803 yn de Konkordiën Kirche te Mannheim hinget stiet oan de bopperâne in lytse liuw (it wapen fan Ljouwert) Hjirop steane allegearre mannewapens mei ûnderskriften. (leden fan in destiids yn it libben roppen klokkekommisje.)
It binne:
(1.) Jr. Edzart van Grovestins, erfgeseten opt huis toe Grovestins in den dorpe Engelum en Grytman over MENALDUMADEEL, (wapen Grovestins).
(2.) Doecke van Hemmema cap. van de guardes van sijn forstlicke genade prins Willem van Nas-saw stathowder etc. (wapen Hemmema.) Doeke is berne yn 1603 en ferstoarn op 15-7-1698 as soan fan Sierck Sickesz. en Lysbeth Lucasdr. Jarges (Jarghers) te BERLTSUM. Hy wie de 6e besitter fan it Nije finne-lien en yn 1637 oansteld as kaptein yn de kompanjy fan Ludolf Potter.
Doeke wie op 23-1-1633 te Embden troud mei Barbara Erntreiter Von Hoffreyt. Fan de út dit houlik berne sân bern binne der tusken 1633 en 1643 fiif bern berne te Embden en twa te Ljouwert tusken 1643 en 1646. It twadde bern t. w. Elisabeth van Hemmema troude yn 1658 mei Willem van Haren en harren beide nammen steane op in troch harren oan de tsjerke fan Sint Anne skonken nachtmielsbeker.
(3.) Willem Allart Clant (yn 1665 wenjende te BERLTSUM), joncker en hoveling tot Eendrum, Pietersbuiren, Cloosterbuiren en Westernyelant. (wapen Clant) Hy wie op 15-2-1662 yn de stêd Grins boaske mei Tiemck (Tamarinda) van Heerma, (doopt te BERLTSUM op 25-4-1639) as de dochter (Tjerkje) fan Tierck Goslicksz. van Heerma en Luts Douwesdr. Walta te BERLTSUM. Hja wie de widdo fan (de yn 1633 te Embden berne) Erasmus Doeckes van Hemmema. Kapt. Willem Allard Clant op Ubbenaborg te Spijk is ek troud west mei Bauwina Auwema út Tolbert. (Bauwina wie yn 1667 tegearre mei harren 4 jier jongere stypnicht skaakt, wêrby it de sibbe Clant gie om it besit fan de Aikemaborg yn Grypstsjerk wêrfan Truda erfdochter wie.)
(4.) Marten van Baardt, z. v. Folpert Tietes Baerdt, student te Franeker (1660), leutenant van een compagnie (van Versteveren) te voet. (wapen Baert)
(5.) Nollius Hajonides, predikant tot BELKOM. (wapen Hajonides) Hy is berne yn Boalsert op 3-12- 1634 as soan fan Haeye Gerbensz. en Tjitske Nolkes. Hy gie yn 1666 nei Embden en is ferstoarn yn Embden op 19- 2-1671 en dêr begroeven yn it koar fan de Grutte tsjerke wer’t alle Embder dûmny begroeven waarden. Foardat hy yn BERLTSUM beroppen waard wie hy, noch mar 20 jier âld, rector fan ‘e Latynske skoalle yn syn berteplak. In oare partij hie de rector Jacobus Buma fan Frjentsjer hjir hawwe wollen. Hy waard nei in protte strideraasje hjir op 1-8-1658 te BERLTSUM befêstige troch de dûmnys fan WIER en Sint Anne t. w. ds. G. Bethelius en ds. P. Horreus. Nollius Hajonides wie earst boaske op 13-4-1656 mei Auckje Claesesdr. fan Boalsert en dêrnei, nei har ferstjerren op 15-6-1661 te BERLTSUM (en neffens ds. Nota begroeven te BERLTSUM), op 24-4-1664 mei Anna Wilhelmusdr. Schotanus van Rinckema, d. f. de em. dûmny fan Amsterdam, wenjende te Snits. Hy wie besibbe oan Gysbert Japiks, lykas Nollius ek in fakkundich taalgelearde. Nollius Hajonides ferstie boppedat it Ingelsk. Yn BERLTSUM hat hy foar S. van Haringhouk it twadde diel fan de Ingelske boetepreken oerset, in wurk dat hy de 25ste fan de foarjiersmoanne 1659 beëindige hie.
(6.) Ruyerd Meyntes, (1616-5 - 5-1683) kerckvoogd. (wapen Meyntesz.) Hy wie hjir mr. bakker yn de Buorren yn earste boask troud mei Grietje Oepkes en yn 2e boask mei in dochter fan de Berltsumer dûmny Jonas Olaus, t. w. Lysbeth J. Olaus troud.
(7.) Claes Ruirds van Schellingwou, (1625 - n. b.) Kerck- en Armevoogd. (wapen Schellingwou) troud mei Liesbeth Johannesdr. Hy wie de soan fan Riuerdt Martensz. en Wytske Yntesdr. En wie in pakesizzer fan Marten Claesz. en Wopck Jansdr. Schellingwou. (foarâlders dêr wer fan wienen Dirk Dirxs “de Olde” en “de Jonge” û. o. op Monnickshuis te WIER. (sjoch ek 24.)
(8.) Pieter Eelckes, berne om 1635 hinne, gecommiteerde. (wapen Pieter Eelkes) Hy wie eigner/bewenner fan in pleats te BERLTSUM. (tr. m. Antje Siebrens en beide stoarn foar 1673?)
(9.) Cornelis Thysz, mede rechter van MENALDUMADEEL (wapen Cornelis Thijsz. (van Gelder) en boaske mei Lolck Hessels. Hja wie de widdo fan in Claes Janssen “by de mole”). Hy wie skuonmakker te BERLTSUM en nei alle gedachten in soan fan Tys Cornelisz. skuonmakker te Sint Jabik. (troud mei in Fem Hommes) Hy wie yn 1658 bysitter van MENAMERADIEL en wurdt yn de genealogy Andringa oantsjutte as Van Gelder. In dochter, Aeltie Cornelisdr. (van Gelder) is yn 1694 boaske mei Folckert Eernstz. (* en harren bern (Saepke en Cornelis) neamden har (nei memme ’s efternamme) Van Gelder. (De niisneamde tige begoedige) Folckert Ernstes (* hie in protte stimmen yn BERLTSUM. Hy hie in protte huzen en hússteden yn BERLTSUM en lân om BERLTSUM hinne en wie yn 1698 û. o. as erfgenamt foar de helte eigner yn de pleats “Skilwolde”, de oare helte behearde ta oan in Dirk Hansen. De hierder wie in Bocke Eelses.) Saepke Folkert ‘s van Gelder wie troud mei Tjepke Seerp ‘s Gratama (berne om 1664 hinne) keapman en mr. tichelder te Grettingabuorren ûnder Harns en boargerfaandrich te Harns. Dan wie der dus ek noch boppeneamde Cornelis Folkerts van Gelder (Sint Jabik 1698) dy ’t hjir lân yn BERLTSUM hie. Yn 1722 keapet tichelbaas Cornelis Folkerts van Gelder (tr. m. Claasje Clases Postma) fan Civile Suzanna du Tour, de widdo fan Duco Doekes Hemmema, hjir op Hemmema state wenjend, ek noch ferskate perselen oan, allegearre mei huzen of hoven dêrop, te BERLTSUM.
(* Syn heit Earnst Folckerts wie te Stiens op 24-11-1632 tr.m. Saep Watsesdr. Unia)
Op fekânsje kin dus in besite oan de Konkordiëntsjerke yn Mannheim ús wer efkes yn (it âlde) BERLTSUM werom bringe. Jo moatte soks dan ek mar witte!
Konkordiëntsjerke yn Mannheim
(* Fuotnoat:
Yn 1814 stjert te BERLTSUM in sekere Eernst Klazes van Gelder 70 jier âld, en is dus berne om 1744 hinne. Dizze sil, sjoen de namme, ek wol in neikommeling west hawwe fan Folckert Ernstes van Gelder. Yn 1813 stjert Cornelis Klazes van Gelder 78 jier âld en is dus berne om 1735 hinne.
Folle letter is in neikommeling fan Tjepke Seerp’s Gratama en Saepke Folkerts van Gelder, út dizze tige begoedige sibbe, ek in Tjepke Gratama, berne op 9-12-1764 te Harns, dy’t al tige jong wees wie, op oantrún fan syn fâden de hearen Corradi en van der Meulen û. o. by de Berltsumer dûmny learling west yn de klassike talen, mar dat hat net lang duorre, hy hie hjir gjin sin yn. Doe nei de Frânske skoalle mar dat rûn ek op neat út. Folle letter as hy folwoeksen is keapet hy mei syn broer as kompanjon, mr. Seerp Gratama, ek in stien- en kalkbrannerij yn Harns. Yn 1787 triek hy as offisier fan de Harnser Skutterij en as fûleinich Prinsgesinde, fanút Harns te wapen tsjin de Frjensjerters. (Prov. Fr. Courant 9-1-1843 G. A. Wumkes)
Op 1-5-1739 giet in Auckjen Corn.dr. van Gelder fan BERLTSUM te Ljouwert yn ûndertrou mei de Ljouwerter hynstekeapman Yeme van Toutenburgh. Mei attestaasje nei BERLTSUM.
DE MANNEWAPENS OP DE GRUTTE TSJERKEKLOK
By it earste wapen, dat fan Jr. Edzart van Grovestein, trije stjerren boppe inoar.
By it twadde wapen, dat fan Doeke van Hemmema, in wynhûn op syn efterpoaten sittende mei de foarpoaten omheech nei rjochts sjende.
By it tredde wapen, dat fan Willem Allart Clant, trije fertikaal neist inoar steande fisken.
By it fjirde wapen, dat fan Marten van Baardt, lizzende heale moanne mei trije stjerren, twa op de punten fan de sichte (sikkel) en ien derûnder.
By it fyfte wapen, dat fan ds. Nollius Hajonides, in heale earn, kop fan in ko(bist) en in húsmerk.
By it sechste wapen, dat fan Ruyrd Meyntes, in heale earn en in sânglês (?).
By it sânde wapen, dat fan Claes Ruirds van Schellingwou, in heale earn, in wrâldbol en in klaverblêd.
By it achtste wapen, dat fan Pieter Eelckes, in heale earn, in klaverblêd en twa krúste stikken ark.
By it njoggende wapen, dat fan Cornelis Thys van Gelder, in heale earn en in blyndoekte holle (kop).
De klok is 1,45 m breed en 1,20 m heech (sûnder kroan) De leden fan de destiids yn it libben roppen kommisje om de tsjerke fan it doarp BERLTSUM oan in toerklok te helpen moatte dus allegear begoedige lju west hawwe. De klok is yn 1798 ferkocht. De rendant hat doe yn twa terminen (yn maaie en augustus) as keapskat rûchwei sa’n 1200 Caroli gûnen ûntfongen. As ûnkosten wurde oanjûn foar te taksaasje troch Tomas Bijlsma 6.00, strykjild 14.00, ferheechjild 145.000, advertinsjekosten Ljouwerter- Goudase- en Friesche Courant 20.00, fertarjen 7.13, notariskosten 8.08, en foar it oproppen mei de trommel 1.12. Sa dat de súvere opbringst wie f 997 en 7 stoeren.
(Nij in restauraasje fan Konkordiëntsjerke yn Mannheim binne de klokken wer werom hongen)
Der is ek in Wikipedia-side fan de Konkordienkirche makke: https://de.m.wikipedia.org/wiki/Konkordienkirche_(Mannheim)
Der is û.o. it folgende op te finen:
..... Nach dem Brand der Kirche 1795 wurden 1802 vier Glocken wiederbeschafft. Die Gemeinde erwarb eine Glocke aus Holland sowie aus dem säkularisierten Kloster Oggersheim drei Glocken. Die klangvolle Wallonenglocke wurde 1663 für die reformierte Kirche in holländischen Berltsum (friesische Marschland) gegossen. Nach dem Neubau der Kirche 1779 konnte diese in der nun als Kuppellaterne gestalteten Glockenstube nicht mehr untergebracht werden und wurde verkauft. Die deutsch-wallonische Gemeinde der Konkordienkirche konnte [4] diese Glocke ersteigern. .....
It lûd fan de tsjerkeklokken yn Manheim (werûnder ek de grutte klok) is "hjir" te hearen.
De fan de âlde (krús)tsjerke en toer ôfkomstige “duivesteen” (tufstien) brocht mar leafst 4000 Caroli gûnen op. Tufstien (Fulkaanstien) waard dêrnei meastal djoer ferkocht om fermeald te wurden as semint (as tras) en it waard ek wol brûkt as keunstdong foar de earme grûn. Wilens de âlde Fryske stien (kleastermoppen) grif fan letter ferbouwen, 800 Caroli gûnen opbrocht. Tufstien waard (nei hout) yn de 11de oant healwei de 12de ieu it meast brûkt by de bou fan de Romaanske tsjerken. De stien waard dan oanfierd fanút it Eifelberchte yn Dútslân. Dêrnei ûntwikkele Fryslân sels syn bakstien yndustry. It Frysk Museum besit inkelde tekeningen wêr’t dizze (krús)tsjerke en toer noch op foarkomme.
Yn dit filmke binne de klokken fan de Konkordiëntsjerke te Manheim te sjen en te hearen, wêrûnder ek de grutte, fan Berltsum ôfkomstige, grutte klok.