Om 1850 hinne wienen der yn BERLTSUM noch twa mûnen te sjen.
It wie de achtkante nôt- en pelmûne (boud yn 1851) fan Andries Jelmer ’s Zijlstra (ferstoarn 12- 9-1869) oan de Tichelersdyk by it molehúske oan de Menamerfeart. (no Tichelersdyk húsnû- mer 30 en bewenne troch P. Tuinstra. Syn frou Liskje de Jong is koartlyn ferstoarn. Har heit Reimer A. de Jong, troud mei Grietje Dusselaar, hie hjir derfoar wenne.) Yn 1853 ferkeapet Jan Klazes Voskuil (# de mûne oan Tjitse Gerrit ’s Terpstra te Marsum. Yn 1856 wennet hjiryn syn skoansoan Andreas Jelmers Zijlstra tr. m. Trijntje Tj. Terpstra. Yn 1867 idem dito. Hy freget yn beide jierren per direkt in net troude nôt- en pelmoundersfeint. Yn 1867 is de âlde yn 1866 ôfbrâne nôt- en pelmole ferfongen (* troch in nije rogge-, weit- en pelmûne mei de namme “het Fortuin”. Yn 1870 is in Thys Lammert ’s Grijpstra, boaske mei Tettje Dirk ’s Ferwerda, hjir nôt- en pelmûnder op wurden. Hy hat hjir 5 jier mounder west en is dernei moolner/túnker wurden te Âlde Biltsyl. Op it Bilt hat hy letter ek noch foar de A. R. P. meidien oan de gemeenteriedsferkiezings dêr en is letter yn Âlde Biltsyl stoarn. Yn it midden fan 1875 wurdt de mûne op 2 juni Publyk ferkocht oan Gatze Lolke ’s Boomsma wenjende te BERLTSUM ûnder St. Anne foar fl. 3176, -.
De stellingmole oan de Tichelersdyk hat hjir net sa lang stien, de achtkante bûten-boppekruier mei wenhûs en al is yn 1875 op 1 juny ferkocht oan Poppe Theunis Wijnia, troch him ôfbrutsen en letter yn St. Jabik wer opboud op it plak fan syn dêr eardere ôfbrâne mûne oan de Westerdyk ûnder de namme (* “De Hoop”. Út in advertinsje fan 22-10-1875 yn de Ljouwerter Krante blykt dat de wente troch Poppe yn oktober 1875 frij te oanfurdzen Publyk ferkocht is oan Sijke Tjipkes de Vries, troud mei Willem Sybrens Lautenbach. Yn novimber 1888 wurdt it molehûs, dan besteande út 2 wenten, ferkocht troch dan de eigneresse de widdo W. S. Lautenbach. Hierder is dan Arjen Jacobs de Jong, skipper/wurkman, op 23-5-1866 troud mei de dochter Trijntje Willem Sybrens Lautenbach.
Dan wie der de houthannel en de 8-kantige stellinghoutseachmûne “De Hoop” op it útein fan de Bûterhoeke by it Berltsumer Wiid, boud yn 1843 (** en ôfbrutsen yn 1930. De foargeande sûnt 1828 besteande stellingmûne mei de namme “Zeldenrust” wie in jier derfoar op 24 maaie troch it waarljocht troffen en ôfbrâne. Foar de mole lâns rûn de Balkfeart yn de rjochting fan it Berltsumer tsjerkhôf oan it pân Bûterhoeke húsnûmer 49 ta. De eigner fan de mûne, Auke Lourens van der Meij, hat hjir 36 jier moolner en sakenman op west. Hy hat de mole op 1- 1-1853 oerdroechen oan syn beide soannen Lourens en Gerhard van der Meij. De soan fan Lourens t. w. Dirk is letter yn 1928 mei syn soan nei Ljouwert fuortgien as houthannelers. De namme “D. L. van der Meij houthandel” hat noch lang op it houtstek oan de Tichelersdyk stien. (Sjoch de foto yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op de siden 32 en 124) Timmerbedriuw Bijland brûkt it gebou no as eigner. In Jan Cornelis van der Molen, troud mei Betje Taekes Plantinga en ôfkomstich fan Harns wie hjir yn 1844 en 1857 houtseachmoolnersfeint. In Taeke Jan ’s van der Meulen, ôfkomstich fan Harns (Almenum), wie hjir kommen as houtseachmoolnersfeint en is yn 1850 troud mei de Berltsumer Ymkje Rinse ’s Hager. Ype Boeije ’s Groenhout hat sûnt Maaie 1866 as mastersfeint op de houtmole wurke. Hy is ferstoarn op 16- 1-1895 te BERLTSUM yn de âldens fan rom 55 jier en wie ôfkomstich fan Snits.
houtseachmûne "De Hoop"
Fan it neiteam mei deselde namme hawwe hjir ek altyd guon yn BERLTSUM wenne, û. o. in Ype en Marije Groenhout. Marije is al jong widdo wurden en wie letter baakster. Hja hat by hiel wat Berltsumers bakere. Der wienen in Ype en Willemke (Ype en Wip) Groenhout, dy ‘t earst neist it Herfoarmd Sintrum wenne ha yn de Bûterhoeke en dy ’t noch wer letter oan de Wiersterdyk op húsnûmmer 7 wennen. Letter wennen yn dit no ôfbrutsene hûs, neist it Herfoarmd Sintrum, “dôve Durk” (Durk Bergsma) mei syn frou Joukje Miedema, de pake en beppe fan Appie Hiemstra, de frou fan de timmerman Harm Bijland. Hy hie noch in âlderwetske (hear)sleef om mei hearre te kinnen. Hjir stiet no de Aula. Soan Willem Ype ’s Groenhout reisge letter en die hannel yn wurkklean lyk as overall’s e. d. De boppebûtenstander houtseachmole oan it Berltsumer Wiid is yn de moanne Augustus 1930 op ôfbraak ferkocht en dêrnei ôfbrútsen troch in sekere A. Jager út Sappemeer. No stiet hjir allinne noch it molehûs Bûterhoeke húsnûmer 70 bewenne troch Dirk Harmen ’s Herrema. (Durk en Djoke). Soan Lourens Auke ’s van der Meij wie op 1- 9-1872, ek noch yn oparbeidzjen mei Lolke Gatse ’s Boomsma en Frâns Andriesz. Gerbens fan Menaam, in steam- en oaljeslaggerij yn BERLTSUM begûn ûnder de namme “Van der Meij & Comp.” In oaljemole dus. De oaljeslaggerij yn de Bûterhoeke is letter alhiel ôfbaarnd.
Yn 1891 kochten de trije boppeneamden v. d. Meij, Boomsma en Gerbens ek noch in oaljemûne yn Drachten. Earder noch, yn de 17e ieu, hat BERLTSUM ek noch in standermûne (nôtmûne) op “it Noard” by de Hemmemapiip hân. (sjoch haadstik 74). Noch wer earder yn 1572 op 20 oktober is yn BERLTSUM in nôtmûne fan foar 1550 yn de brân stutsen troch it rôvjende Spaanske (foar it grutste part Waalske) kriichsfolk, dat hjir sa no en dan legere wie en omdwoarme. Op de Schotanus atlas út 1664 komt de dêrnei (wêrop)boude mûne wer foar. Nei 1739 is dizze nôt- en pelstandermûne hjir ferdwûn.
(* fuotnoat: Leidsch Dagblad 15-5-1866 Vrijdagavond is de bliksem ingeslagen in een onder BERLIKUM staande rogmolen, die geheel is afgebrand. De daarbij staande woning is behouden gebleven. De bewoners bevonden zich in de molen, doch hebben geen letsel bekomen.
Sjoch ek it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 112 it molehúske oan de Tichelersdyk.
Fuotnoaten:
(* Yn ‘e nacht fan 28 op 29 april 1875 ferbaarnde nôtmole “De Hoop” (1) fan Poppe Wynia te Sint Jabik, de oarsaak wie net bekend. Kweade tongen woene hawwe dat hy de mûne sels yn ‘e brân stutsen hie omdat hy, neffens syn tsjinstfaam, hieltyd yn jildneed sitte soe. It is lykwols nea bewezen. De brân bruts ‘s nachts út tusken 2.00 en 3.00 oere, doe ’t it ûntdutsen waard foel der neffens de boargemaster net mear oan ’t dwêsten te tinken. De hjir ôfbrutsene Berltsumer mûne waard yn 1875 op itselde plak oan de Westerweg by it Westeinde dêr wer opboud, ek wer mei deselde namme “De Hoop” (II). De mûne wie fersekere by de Ûnderlinge Brânwaarborchmaatskippij, Kanton Hallum. De yn Wommels berne Wynia ferhúze yn 1876 alwer mei syn gesin nei syn berteplak. De mole waard letter ek wol de ‘Kees Pieters molen’ neamd, nei de moolner Kees Pieters van Rozendal, troud mei Sijtske Riedstra. Kees is stoarn op 12-6-1940, 63 jier âld en syn frou Sijtske op 19-1-1998, 100 jier âld. Troch in hommels draaiende hurde wyn yn ‘e nacht, wat net opmurken bliuw, is de molekap yn 1928 yn novimber oer de kop waaid. Dat wie dus fataal foar de mûne. Al gau folge yn 1930 de totale ôfbraak.
(** Yn 1844 wenne hjir ek in Cornelis Jan ’s Beitzegat, troud mei Aaltje Mighiels. Hy wie hjir as houtseachmûnersfeint oan it wurk. Hy is besibbe oan, de om 1766 hinne as âld-mounder fan Almenum en Harns wenjende, Abraham Corn.zn. Beitzegat. Abraham ’s (broer?) wenne om dy tiid hinne as húsman (boer) te BERLTSUM. (# Voskuil tr. m. Pietje Visser gie nei Marum (Gr.)
HOUTSEACHMÛNE "DE HOOP"
DE HOUTSEACHMOLE.
1.
In lyts priuwke út de âld doas
dat is dan ek wer ris hwat oars
De opset fan de mole lei
by Auke fan der Meij. 1837.
Mar nei seis jier gehiel al plat
De waarljocht sloech him troch it gat.
Net tsjinsteande dit great bilet
waerd hjir opnij in mole set. (1843.)
De houthannel lei yn dit staech
gie oer fan d ‘iene op d ‘oare laech
Foarneamde staech brocht fierders oan
Durk fan der Meij en Lourens syn soan
Foar har, de mole it lêste draeit
dit byld ús noch sa folle seit.
Dy nammen moatsten efkes sein
Foar ymport en it jongerein.
3.
De beakens moasten hjir forset
de mole dat koe langer net.
De tiid frege om masinael
dat wie hjir ek de greatste kwael
Sa joech it ek net in bistean
de mole koe mar hinnegean.
Durk en Lourens nei Ljouwert gien (1928)
Twa jier de mole liddich stien.
Har namme hjir mei net út stoarn
mar in N. V. stiet nou foar oan.
De houthannel gie altyd troch
as ik sa nei it houtstek sjoch.
En wolle jo in nij hûs boud
It houtstek sit folop mei hout.
Alles lit him net biskriuwe
Mar wat by de mole bliuwe.
2.
Dit kykje is san sâwntich jier
foar ‘t âlderein neat gjin biswier.
Wy sjogge hjir de balke sleat
dat wie in dea rinnend opfeart.
Slepen balken kaem hjir yn foar
twa, trije dan wol opelkoar.
As jonges der op ljeppe, rinne
fuortjage kaem der wer oerhinne.
As Willem – en Sjoerd Groenhout dat seach
dy moolners wiene skerp fan each.
Waerd in balke ta planken seage
de mole naem se yn syn beage.
Dy luts se earst sa út dit sop
sa wrikjend by de batting op
‘k Hear noch dyn smûgjen troch de balke
sa seachjend wei ta planken spjalte.
De mole efkes op ‘e fang
Oars wurdt it hjir ek fiersto lang.
4.
Syn namme dat wie oars “De Hoop”
mar rekke destiids foar de sloop. (1930.)
Wy sjogge him al lang net mear
Spitich, spitich, wol tûzen kear.
De sloperskeap waerd ôfroune
op –acht –hûndert – kâlde - Goune.
Minsken! hwer siet dochs it forstân
gjin ynstânsje triek him dit oan.
Dy mole, dy dochs neat mear docht
dy kin om ús ek wol sljocht
Hy wie sa hecht sa geef as kryt
Moatste it sa? sa nou noch kwyt?
Fakkundich sloopt út Sappemear
A. Jager, der gehiel foar klear. (1930.)
5.
O mole, mei dyn sterke lea
dan seachst ús oan fier oer it gea.
En joechstou al in djippe sucht
‘t kaem troch dyn wjukken sa great fan flucht.
Mar hie de wyn it wer forbruit
dyn wjukken waerden der nei kruid.
Ta slútstik sa oan ‘t krúswetter
koe it moaijer? koe it better?
It doarp dat miste har bistek
men sjocht it noch dit greate lek.
Och mole, hoe koe it bistean
It skrynt ús noch dyn hinnegean.
It is nei praet, de oanklacht bliuwt
dat is it hwat ta skriuwen driuwt.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
TOM.
april 1976.
UTRECHTS NIEUWSBLAD 23 augustus 1930.
Verdwijnende molen.
De pogingen om den houtzaagmolen van de firma van der Meij te BERLIKUM te behouden zijn mislukt. Hij is nu voor afbraak verkocht.
L. C. 7-2-1930
Een oud bedrijf te BERLIKUM opgeheven.
De houtzaagmolen van de firma van der Meij en Meinesz te BERLIKUM die sedert 1848 in bedrijf is geweest en binnenkort zal worden gesloopt, daar de houtzagerij der firma, die sedert ruim een jaar bestaat, in mei zal worden stopgezet.
(foto: houtzaagmolen “De Hoop”)
De mole is dêrnei slope foar de som fan fl. 800,-
Sjoch ek it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op de siden 133, 137 en 138.
‘t KLEINE KRANTSJE 1-6-1974
De Hoop.
Beter laat dan nooit, is hier het spreekwoord. Ik wou u nog antwoorden op uw krantsje no 214 betreffende de molen De Hoop. Het is wel zeker dat het de molen De Hoop is uit BERLIKUM en de reden is dat ik vlak bij die molen ben groot gebracht, en dat zit zo, ik was 5 jaar toen ik mijn beide ouders verloor in Amsterdam en werd ik naar BERLIKUM gebracht, bij een J. Dusselaar, scheepstimmerman. En nu de molen De Hoop, ik weet niet precies het jaar, naar ik meen dat ik toen 6 of 7 jaar was en mocht ik op de wiek van de molen staan met de kinderen van Sjoerd-Willem Groenhout, die alle twee werkzaam waren op die molen en Bonne (Boeye) Groenhout op de oliefabriek (drie gebroeders) en waarom mochten wij op de wiek van de molen staan? Daar Jan Olieslager met het vliegtuig op de Wilhelminabaan (achter de meelfabriek) de lucht inging in Leeuwarden. Het stukje van een huis links naast de molen was van Willem Groenhout, rechts van de molen is de Boterhoek en de Balksloot, waar ik als kind in viel en werd gered door (Jitze) Zwaagstra. De foto is genomen van een weiland aan de andere kant van de Leeuwarder vaart en wij hebben er toen een glimp van gezien. Er werden vroeger veel balken aangevoerd en die gingen daar te water als vlotten, en werden geloosd in de Balksloot en de grote kolk voor de molen. Er was vroeger een drukke scheepvaart daar bij die molen, daar alles over water moest, of tram. (Sytze is berne yn 1902)
S.(ytze) Demmers. (út Boven-Leeuwen)
Auke Lourens van der Meij
Janna Jans Postma
L. C. 8-6-1935.
Heden is hier ter stede, na een kortstondige ongesteldheid op 66 jarige leeftijd overleden de heer L.(ourens) G.(erhardus) van der Meij, steenfabrikant alhier. De heer Lourens Gerhardus van der Meij werd geboren te BERLIKUM, waar hij later, evenals te Harlingen een steenfabriek exploiteerde. Omstreeks derig jaar geleden vestigde hij zijn kantoor te Leeuwarden. In kringen van Nijverheid en Handel was hij een bekende en geziene figuur ......... ......... Voorts was hij, als opvolger van wijlen den heer J. Koopmans, sedert 1931 president-commissaris van Koopmans Meelfabrieken etc. ......... ...........
*********************************************
L. C. 4-7-1856.
Een ongehuwde Koorn- en Pelmolenaarsknecht, zijn werk geheel of ten deele verstaande, kan dadelijk eene dienst bekomen bij A. J. Zijlstra te BERLIKUM.
L. C. 27-12-1969.
Veertig jaar klinkers in de Harlingerstraatweg.
Bij het onderhavige karwei werden de stenen geleverd door de steenfabrikant Deesd – bij Nijmegen- tegenwoordig eigendom van de heer Burgers. Ze kwamen in gemeenthanden terecht via de leverancier Laurens van der Mei (Meij), die zelf ook steen fabriceerde. etc. ......... ..........
Lourens van der Meij fabrisearre yn haadsaak reade mitselstien. Hy wenne oan de Ljouwerter Emmakade en syn twa oenen (ovens), in ring-oen en in fjild-oen stienen oan de Ljouwerterfeart tusken BERLTSUM en Menaam. It fabryk bestiet allang net mear.
(Foar de aardichheid: De Harnserstrjitwei waard om 1564 hinne de “Marssumerwech” neamd en dêrfoar de “Oldehoeffsterawech”.)
L. C. 8-1-1920.
Op afbraak te koop: 4 watermolens waarvan 2 zeer geschikt voor verplaatsing.
Inlichtingen verschaft de heer F. J. Rolsma, architect te BERLIKUM.
Briefjes vóór of op 13- 1-1920 franco, gemerkt M, aan den heer J. Douma,
Voorzitter van het waterschap “De Drie Dorpen” te Menaldum. (oprjochtte yn 1908 gr. 789 ha.)
L. C. 7, 14 en 21 Januari.
(Overdracht na 36 jaar vertrouwen, op 1- 1-1853 van de houthandel, houtzaagmolen enz. door A. L. v. d. Meij aan zijn zonen L. en G. v. d. Meij te BERLIKUM.)
L. C. 5-2-1930.
Naar wij vernemen zal de houtzaagmolen van de firma van der Meij en Meinesz binnen afzienbare tijd verdwijnen. Met Mei wordt de houtzagerij stopgezet. Ruim een eeuw heeft deze molen aan ons dorp, van de waterkant gezien, een mooie aanblik gegeven. De eerste molen, die ter plaatse gebouwd is, was reeds spoedig bouwvallig en moest worden afgebroken; de tweede werd door het hemelvuur getroffen en in 1843 werd de (derde) tegenwoordige molen gebouwd.
L. C. 11-5-1965.
HARLINGER HOUTHANDEL Meinesz 175 jaar.
De N. V. Houthandel J. T. Meinesz importeert jaarlijks grote hoeveelheden gezaagd naald- en vuren hout uit Zweden, Finland en de Sovjet Unie. Behalve in Harlingen heeft Meinesz vestigingen in Leeuwarden, Drachten, BERLIKUM, (N. V. Houthandel v./h. L. v. d. Meij) en Franeker.
(It bedriuw yn BERLTSUM wie fêstige oan de Tichelersdyk, it destiids saneamde “Houtstek” mei as behearder Engele Visser, no yn eigendom fan timmerbedriuw Harm Bijland. Hjir hellen de Berltsumer timmerlju harren hout wei. Engele en Metje Visser – Zwart wennen yn it Houtstek.)
L. C. 23-4-1879.
In 1572 heeft BERLIKUM veel van het Spaansch krijgsvolk geleden.
Sommige van deze benden hadden nu en dan hunne legerplaats te BERLIKUM of in het nabij liggende KLOOSTER - ANJUM, steeds rondom roof, moord en plundering aanrigtende. Een hoop Friesch voetvolk (de hierde troepen fan de Prins dy ’t ûnder Schouwenaar by Dronryp legere wienen) trok den 20 October in laatstgenoemd jaar op BERLIKUM aan om de Walen of ander Spaansch gespuis van daar te verdrijven, doch dezen niet vindende, staken zij DEN KOREN-MOLEN (yn 1578 wie hjir yn BERLTSUM (wer) in sekere “Jan molenaer”), benevens eenige huizen BIJ DE KERK in brand, waarna zij vertrokken, zoodat men destijds van vriend en vijand te lijden had.
(Yn it KLEASTER-ANJUM soe ek in nôtmûne stien hawwe. Dizze moast yn 1550 of earder boud wêze. De wynmûne is yn 1572 ferdwûn. De nôtmûne rekke ûnder de oanfal fan de Geuzen op de yn it Kleaster legere Waalske soldaten op 20-10-1572 yn ‘e brân en waard folslein ferneatige. De nôtmûne stie bûten it Kleaster, mar wêr is net presys nei te gean, sa wurdt der suggerearre. Mar op de tekene Robles Atlassen fan de oanfal op it Kleaster is gjin nôtmole te bekennen. De nôt- mole dy’t yn 1572 yn flammen opgien is, giet dy fan BERLTSUM oan op ‘it Noard’, (“..... earst neidat de troepen it Kleaster-Anjum ferlitten hienen gienen hja op nei BERLTSUM .... ”) Dizze Berltsumer nôtmûne stiet yn 1570 noch op de Biltkaart fan de skoalmaster Jan Jansz. Coster oanjûn.)
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
It KLEASTER - ANJUM.
Yn 1550 wie Gerben van Aysma Prior yn it KLEASTER - ANJUM. (de sibbe is ôfkomstich fan van “Aysmastate” te Bitgum)
Oer mûnen sprutsen:
Op 17- 2-1686 fûn in mole ruil plak tusken Otto Jacobs en Imk Sybrens te BERLTSUM en Pyter Philips en Rinske Haytes te Ljouwert, wêrfan de lêsten tsjin in hiele Berltsumer mûne harren heale wynmûne ruilden, “steande de mûne op klippen, op de Súdwester dwinger efter it Zaaylant” te Ljouwert.
(Allinne in standermûne wie op stiennen klippen boud.)
De ferdwûne molens fan BERLTSUM en it KLEASTER ANJUM
De standernôtmune op it Noard fan BERLTSUM oan de Wiersterdyk. Boujier foar 1572 en ferwoastige yn 1572 troch omdoarmjende binden. De Oanbring de Fiif Delen neamd yn 1511 in mûne te BERLTSUM.
De stelling-seachmûne (houtmûne) “De Hoop” yn 1842 op it ein fan ‘e Bûterhoeke, troch waarljocht foar in part ôfbrând yn 1865 en ôfbrutsen yn 1930, as opfolger fan de eardere yn 1842 ôfbrâne troch A. L. van der Meij yn 1828 stiftte mûne mei de namme “Zeldenrust. ” De mûne fan foar 1828 wie brekfallich wurden.
De Polder (wetter) mûne 1,1 km e. s. e. fan de terp oan de Botgoarre o. z. op Kad BERLIKUM seksje A 81 eig. de widdo Poppe Franzes Wynia cs. Boujier 1832 < ferdwûn 1850 > bemealde 45 ha op de Botgoarre. (Polder 22)
De mûne, in Spinnekop mei fjouwerkante ûndertoer en in zitkruier, fan Joh. Stienstra, f. b. griffier, W. fan ’t KL. ANJUM, Kad BERLIKUM seksje B 2 boujier 1832 < ferdwûn 1850 >.
De Poldermûne (Polder 24) Kad BERLIKUM seksje B 27 eig. de widdo Jan Rintjes Terpstra cs. Boujier 1832 < ferdwûn 1850 >.
De Poldermûne 0,8 km east fan ‘e terp oan de Botgoarre op seksje B 39, eig. Anna Vriese, berne Cats. (Polder 23) bemealde 30 ha.
De Poldermûne yn ‘e Ozingapolder 0,5 km s. e. fan ‘e terp fan it KLEASTER ANJUM op seksje B. 108, eig. Douariëre Juliana Agatha Baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Boujier 1832 < ferdwûn 1850 >
Mûne Polder Wyngaarden 1.3 km s. e. fan ‘e terp fan it KLEASTER ANJUM op seksje B 169, eig. Pieter Cats cum uxore, lid fan ‘e Steaten Generaal. 1832 < ferdwûn 1850 >.
---------------------------
HARNS
Yn ‘e 17de en 18de ieu wie foaral Harns in molestêd. Yn en om de yndustrystêd hawwe rom 60 mûnen stien. It gie neist poldermûnen om houtseachmûnen, oaljemûnen, papiermûnen, pelmûnen en semintmûnen. Yn de binnenstêd stienen 5 rosmûnen, wêrby’t de hynders de hiele dei rûntsjes rûnen om de mole draaiende te hâlden. Harns wie mei syn lizzing oan see in wichtich plak foar de houtferwurking. Foar de bou fan ‘e Berltsumer koepeltsjerke is ek in protte hout út Harns weihelle. Tink ek oan de skipsbou. Histoarysk besjoen hat Harns eat mei mûnen. Sjoch mar ris fierder yn dit e-book. Yn 1835 wennet hjir yn BERLTSUM ek in seachmûnder Gooitje Tjallings Schaafsma sa’t blykt, want op 22-3-1835 komt syn frou, Trijntje Feddes Renkema, nei BERLTSUM oer mei attestaasje fan Harns. Hja giet lykwols op 3-5-1840 al wer mei attestaasje nei Dokkum ta.