YMPORTEARRE BERLTSUMERS

Echte âlde BERLTSUMER sibben dy ’t hjir langer as 200 jier wenne hawwe, binne bgl. de Schiphof ‘s, (Gen. Schiphof, de stamheit Pieter Eeltjes is berne en doopt op 23-12-1703 te Marsum. Hy is troud mei Mintje Kornelis. Syn soan Eeltje Pieters is yn 1749 skipper te BERLTSUM.) de Kuperussen, de De Haan ’s, (Wijtze, Johannes) de Hager ’s, de Braaksma ’s, (Minne Ruurds) de Reitsma ’s, de Westra ’s, de Werkhoven ’s, (Gen. Johannes Annes) de van Schepen ’s, de Peterzon ’s, de Stienstra ’s, de Lautenbach ’s en de Ru(i)nia ’s. De lêste 2 sibben binne hjir fia WIER kommen te wenjen. Horatius Lautenbach wie hjir beurtskipper op Ljouwert. In protte Lautenbach ’s hawwe de namme net fia de man, mar fia de frou oerkrigen. (sjoch it Lautenbach boek side 116) Sa is it mei de Runia ’s ek gien. Ien fan de úteinlike foarâlders mei dy namme is in Pytter Skelte ‘s fan Boer. Hy wie boer te BOER. Hy is berne om 1610 hinne en wie û. o. ek learaar fan de Frjentsjerter Minnisten. It doarpke Boer (Bour, Bûr, Buor, Buir) hat wierskynlik syn namme te tankjen oan it hiel âlde Germaanske/Fryske wurd wat oarspronklik “hûs” betsjutte. Pytter Skeltes wie boaske mei in Tryntie Jans. Syn pakesizzer, ek wer in Tryntje Jans (Runia), wie boaske mei Jan Theunissen fan WIER en hy hat de skaainamme fan syn frou oannommen. Hy hierde in pleats fan Godschalk Hiddema fan Knijff, neist Lauta State yn WIER. Tryntsje har heit, Jan Pyter ‘s (Ruinia), wie (Minniste) boer yn it Berltsumer Kleaster (op “de Hûndert”) en sa binne de Ru(i)nia ’s yn BERLTSUM kommen te wenjen. De Lauten- bach ’s stamme ôf fan de Wierster dûmny Jacobus Lautenbach. Syn soan Horatius hat hjir yn BERLTSUM in protte neikommelingen wenjen. Hy wie beurtskipper op Ljouwert en wenne yn it hûs mei de namme “t ’ Zwart Kruis”. Syn widdo Maartie Klaases (* ferkeapet it hûs letter yn 1787 en it hûs is dan neffens de L. C fan 30-12-1786 en 27-1-1787 omskreaun as in deftich woltrochtimmere wenhûs, foarsjoen fan in romme kelder, in souder oer it hiele hûs, fierder in ôfdak, put, reinwettersbak en hôf, belêste mei 2 Car. gûnens yn ‘t jier foar de Berltsumer bûtenearmen en troch har op 12 maaie 1787 as eignerse bewenne, frij fan hier. De Quarr(é)s (Lammert, Jeremias) earder skreaun as Carr(é)e, Kor(é)e ets. komme fan Ljouwert en dêrfoar wierkynlik fan Amsterdam (**. De de Jong ’s (IJep, Tiete, Auke, Sake) fan Weidum / Bears. De de Jong’s (Gerke, Dirk Klaas, oarspr. fan Deinum fia Dronryp nei BERLTSUM. De van Wigcheren ’s (via de ferver en glêzemakker, Popke Gerrit ‘s van Wi(g)cheren) komme hja oarspronklik fan Goutum, wêr ’t Gerrit van Wicheren, yn 1760 boaske mei Cornelia Harmannus Inia, skoalmaster wie. Syn âlders t. w. Jan Jan ‘s van Wicheren en Jetske Paga kamen wer fan Ljouwert. De van der Ley ’s (Waling, Freerk) fan Âlde Leie en omkriten. De Zwart ’s (de fean/turfskippers Mindert, Lourens) fan de gem. Opsterlân. De Jasper ’s (Jelke, Johannes) en de Braaksma’s (Ruurd Minne Sietze) fan De Joure, Haskerlân. De van der Schaaf ’s (Jarig, Taeke, Klaas) fan Dantumadeel. De van Dokkumburg ’s stamme ôf fan de eardere Berltsumer Minniste dûmny Sjoerd Pieter ‘s van Dokkumburg en de (minniste) Born ’s fan û. o. in Hoite Born, leadjtter te Ljouwert. Deselde Born dy ‘t it streekje huzen op ‘e Berchôfstún sette litten hat en letter yn de folkmûle de Born ‘s (> Bonne) buorren neamd waard, no de Singel. De huzen binne ek al wer ôfbrútsen. Albert Jan ’s Dusselaar (*** by houlik ôfkomstich fan Burgum), de fiere foarheit fan alle de Berltsumer Dusselaar ‘s, wie hjir earst skûtmakkersfeint en letter mr. skûtmakker. Hy wie berne op 15-2-1770 te Harkema - Opeinde (dus in Harekiet ) mar doopt op 27-8-1770 te Droegeham, omdat dêr doe yn de Harkema noch gjin tsjerke wie, hy wie op 4-3-1792 te Burgum troud mei Trijntje Melles Bou(we)ma, doopt te Burgum op 25-5-1775. Albert is ferstoarn te BERLTSUM (yn in skip, nei alle gedachten ûnder it wurk) op 16-12-1841. In dusselaar is immen dy ’t mei in spesiaal soarte fan bile (blêd dwars op de stâle) hout bewurket. (skûtmakker). Letter binne hjir bgl. in protte minsken út de Dongeradielen kommen te wenjen. Ik tink oan de Turkstra ‘s (Anne Rients, Fokke), de Rekker ‘s (Wieger, Rintje, Bauke), de Vrij(e)’s (Pieter, Douwe), de Renzema ’s (Simon, Willem fan Anjum/Lioessens), de Wiersma ’s (Former, Willem, Wiert ets.) De Pranger ’s, de Sjoerdsma ‘s (Gooitsen, Fedde fan Nes/Moarre/Ee), de Sijens (Doeke, Douwe ets. (fia Ingelum), Aagtjes (Jacob), de Douma ‘s (Laas, Arend) fan Holwert en myn (Minniste) sibbe (Hendrik, Watse) Posthumus út Ternaard/Holwert/Fiskbuorren. (fia Marrum), de Bijland ‘s, de Luinstra’ s, de Haas (Doede, Jacob), Holwerda, Ferwerda en de de Graaf ‘s (Popke, Fedde) fan Ferwerderadiel earder fan Ginnum, De Haas noch earder fan Eastrum. Faber, de Looijenga’s (Lieuwe) fan Marrum/Hallum, de Wiersma ‘s (Douwe Gerrits) fan Ternaard. De van der Leij ‘s (Dooitze, Jan, Freerk) fan Feinsum/Âlde Leie. De Kalma ’s (Jolt, Jacob) fan Hilaard/Jorwert. De Bosma ’s (Douwe, Arjen, Pieter, Ale) fan Boksum. De Brouwer ’s( (Feike, Hisse, Sierk) fan Hylpen. De Winselaar ’s (Wenselaar’s) fan it Bilt. De Schram ’s (Dooitjen, Popke) fan Balk. De Tichelaar ‘s (Ynze, Hijltje, Yge) fan Slappeterp. De van Dijk ’s (Jan en Dirk Ulbe ’s) fan Baaium. Koning (alias Wijnkoning, Lieuwe, Jan, Thijs) fan Stiens/Froubuorren. De Binnema ’s (Jippe, Pieter) fan Froubuorren, De Herrema ’s (Harmen, Sybren) fan Tsjummearum /Easterbierrum. Dêrfoar fan Doanjum (genealogie Jelle Jacobs (Herrema). De van Vaals (Willem, Johannes) en de Nieuwhof ’s fan Barradiel. (Minne Franzes Nieuwhof, troud mei Rinske Pieter ‘s Andringa, sjoch op Google: Rinske Pieter ‘s Andringa). De Posthuma ’s (Tjeerd, Jurjen) fan Wymbritseradiel), de Miersma ’s (Arjen, Sipke) oarspronklik fan Barradiel, de Kalma ’s (Jolt, Jacob.) en de Elsma ’s (Meike, Klaas, Pieter) fan Baarderadiel, De Siegersma ’s (Harm, Douwe, Gerben, Hendrik, in skippersfamylje) fan Seisbierrum. Wopke Rinsma, de stifter fan Garage Rinsma fan Frjentsjerteradiel (Barradeel). De Boomsma ’s (Jan, Wybren, Adolf, Jelle etc.) en de Tilstra ’s (Dirk, Heerke, Marten) oarspronklik fan Minnertsgea. De Osinga ’s (Klaas, Gerlof, Sybe) en de Tuinenga ’s (Jacob, Wytse) komme fan Bitgum (Menaam) en de van Tuinen ‘s (Sybren, Jacob) ek , de Smit ’s (Klaas, Jimme, Lolke) fan it Hearrefean e. o., de Mulders fan Barradiel (Yge, Jitze), de Smits’ (Klaas, Hyltje, Foppe) en de Bontekoe ’s (Romke, Sybe,Ysbrand, Pieter) fan Bitgum/Ingelum en omkriten, dêrfoar oarspronklik fan Lekkum. Rondaan (Lolle, Syds, Gooitzen Dirk), fan Bitgum, oarspronklik fan Makkum/Harns.) De Meyer ’s (Klaas, Holst, Halbe, Ruurd) en de Weijer ’s (Jacob) fan Hilaard en omkriten. De Wetting ’s, (Augustinus, Henk, Jacob, Martinus) fan Frjentsjer, (Gen. Hendrick Hendricks Postma (Wetting) wenjende by it keatsfjild te Frjent- sjer.) de Kamminga ’s (Simon) en de Zuiderhof ’s (Jouke, Douwe) fan Harns. De Poelstra ‘s (Feike, Roel, Rienk) fan Surhúzum. De Algra ’s (Bote, Keimpe) fan Garyp. De Rob ’s (Frans Gerard) fan Skylge, earder fan West-Fryslân (Medemblik, wêr ’t yn 1840 Frans Rob weinmakker wie. Sjoch op Google genealogie Cornelis Rob), De Jaspers (Harmen, Jan, Johannes, Jelke) oarspronklik fan Mettingen yn Dútslân fia Haskerlân (Âldehaske en omkriten), De van Ma(a)nen ’s, fia Boalsert, oarspronklik fan it buorskip Manen by Ede. (wurdt wol beweare) De Hettema’s (Doeke, Douwe Hette) fan Bitgum en noch earder fan Dearsum. De Braaksma’s (Ruurd, Minne) fan De Joure. De Faber’s Jan, Tjeerd, Lammert fan Marrum/Hallum). De Liemburgs fan Lúkswâld/Langsweagen, De Elsinga ’s (Tjerk, Gerrit) fan Minnertsgea. De Elsinga ’s (Tsjerk en syn frou Dieuwke) hienen earst in snikke mei de namme “Repos Ailleurs” en binne letter boer en boerinne wurden yn it Berltsumer Kleaster. (De snikke is letter befearn troch Lolke Lolkema mei de namme “Grietje”). Soan Gerrit Tjerk ’s Elsinga wie opfolgjend boer yn it Berltsumer Kleaster 35. Syn suster Feikje Elsinga wie troud mei Gelf Jacob ’s Tuinenga, hja wennen earst yn de Buorren op húsnûmer 25 (It Blaauwe Hûs) en binne letter ferhúze nei de N. E. Polder) De measte fan dizze doe nij ynkom- men sibben wenje hjir ek al wêr mear as hûndert jier. Ek binne in protte Joostema ’s (Abraham, Adam, Jan) út Minnertsgea hjir kommen te wenjen. De famylje Dirk Th. Zeinstra (Greenhouse Dili b. v.) komt fan Harns en hat it warenhûs oan ‘e Pôle 14

En no rûn de milleniumwiksel, de túnker Fokke Hoeksma (Fokke en Alet) fan Burgum oan ‘e Pôle 9 en de túnkers út it Westlân (de Rânestêd) lykas de famyljes Jacob Willem (Pim en Miep) en soan Jacob (Jaap) en Evelien Vink, (“Vink Sion” b. v.) sûnt 2002 op de Bodde 5, de famyljes Jan en Leny en soan Simon v. d. Beukel út Berkel en Rodenrijs. (Z. H.) (“Simon Peppers” v. o. f.) op de Bodde, de famyljes Herman v. d. Kaaij (Herman en Sjaan) en de soannen Theo en Arie (Arjan) út de Lier, op de Pôle 11, W. van Overbeek (Cock en Marja) út Poortugaal (Z. H.) op de Bodde 2/a, de trostomatenkweker h. û. d. n. “Gardeners Pride”. De famylje Adrianus M. P. Cornelissen (Laarheide b. v.), troud mei A. C. M. Geerts út it Brabânske Zundert, “de Tún”, Bûtenpôle 5 en 7, de fam. Kock, Robertus T. J. van Marrewijk, (h. û. d. n. Mts. R. J. T. van Marrewijk & C. E. M. Frau- enfelder) fan ‘e Bûtenpôle 13/a, ôfkomstich fan Bleiswijk (Robert en Cynthia), Sjon en Lenie Egberts (v. o. f. “Noorderlicht”) fan ‘e Bûtenpôle 11, ôfkomstich fan Ter Aar (Z. H.), Jan en Mirjam van Uffelen út Maasdijk (it Westlân) h. û. d. n. “Zucchini Fryslân”, ets. .... .... en út in protte oare doarpen en stêden. Sa gie it en sa sil it ek wol trochgean mei it minsken ferkear tusken de doar- pen en de stêden. It wichtichste is, dat hja harren thús fiele op it plak wêr ’t hja wenje. Elts doarp hat sa syn eigen sfear, tradysjes, syd en pligen en men moat jin oanpasse en jin der byjaan, wol men der byhearre, oars bliuwt men yn BERLTSUM in “Hollânner,” in “Grinzer,” in “Bilker” of in “Ljouwerter”, mar ek de minsken dy ‘t men nea kennen leare sil.

Sjoch op Google: Historie Van der Kaaij kwekerij.

(In film oer it plantsjen, opbinen, snijen, ferwurkjen, transporteren etc. fan de tomaten.)

Fuotnoaten:

(* Yn ‘e krante fan 13 Jannewaris 1787 lêze wy dat Dr. J. Mebius, Siktaris fan Menameradiel op moandei de 22ste Jannewaris de moarns om 10 oere, YN IT STJERHÛS fan de widdo fan Horatius (Raad) Lautenbach, by buolgoed ferkeapje sil: Allerhanne meubels en húsried, linnen en wollen, twa bêden mei harren tabehearren, manljus- en frouljusklean, sulver, koper, tin en yzerwurk, en wat fierder te foarskyn brocht wurde sil. (Maartsje Klaazes is dus koart dernei tusken 30-12-1786 en 13 jannewaris 1787 ferstoarn.

(** Yn 1664 rûnen wichtige persoanen mei yn de begraffenisstaaasje fan Willem Frederik. De grifformearde skilder Frans Carree hat sketsen makke fan dizze staasje. (út deselde sibbe?)

(*** In dusselaar is immen dy ’t mei in spesjaal soarte fan bile (blêd oerdwars op ‘e stâle) it hout bewurket, meastal in skûtmakker. Albert Dusselaar hie yn 1793 de helling op de Burgumer- daam fan syn heit Jan Alberts (tr. m. Fokje Jurjens) kocht mar hy gie dêr yn 1801 fallyt.)

L. C. 25-3-1939.

FRIESE EMIGRANTEN naar BRANDENBURG.

Drie eeuwen geleden.

Een Duitsche “Buter und Käse Akademie” naar Friesch model. Merkwaardige stukken hierover in het Koninklijk Keizerlijk Geheim Staatsarchief te Berlijn.

De Groote Keurvorst Frederik Willem van Brandenburg heeft in zijn jeugd sterk den invloed der Hollandsche beschaving ondergaan, hetgeen op zijn regeering een bepaalden stempel heeft gedrukt. Als schoolknaap kwam hij reeds in de Nederlanden, studeerde in de jaren 1634-37 o. m. in Leiden en verkeerde veel aan het Hof van Frederik Hendrik, met wiens oudste dochter Louise Henriëtte hij in 1647 in het huwelijk trad. Daardoor werd hij ook de zwager van de FRIESCHE STADHOUDER WILLEM FREDERIK, gehuwd met Louise’s zuster ALBERTINE AGNES, kwam met verschillende Friesche veldheren en staatslieden en tenslotte – door zijn vele bezoeken aan Friesland en Groningen – ook in kennis met de Friesche cultuur, landbouw en veeteelt, waarvoor hij groote belangstelling had. Vooral toen hij in 1640 aan de regeering gekomen, zich ten doel stelde, om zijn Duitsche landen, na de verwoestingen door den Dertigjarigen Oorlog veroorzaakt, weder tot bloei te brengen en zijn verarmde onderdanen aan bestaansmiddelen te helpen, verzekerde hij zich de medewerking van Friesche polderwerkers, landbouwers, veehouders en zuivelbereiders door dezen naar zijn land te lokken onder aanbieding voor dien tijd zeer voordeeligen immigratie-voorwaarden. Verschillende Nederlandsche (w. û. rom 60 Friezen en dêrûnder ek in hânfol Biltske boeren) en ook Fransche koloniën zijn op dien wijze tusschen de jaren 1640-50 in het Brandenburgsche ontstaan. De moerassige streken rond Brandenburg werden in cultuur gebracht. Bekende koloniën daar: Oraniënburg, Cremmen, Neu-Holland of Holländerbruch bij Lichtenwald, Friedenberg, waar de Fransche ondernemer Pierre Lamy vooral Hollandsche- en Fransche grondwerkers in zijn dienst nam. Ook de Hollandsche Baljuw Johan Wijngaard(en) sloot een contract met grondwerkers uit Noord-Holland, voor het in cultuur brengen van onvruchtbaar land en moerassige streken in de omstreken van Brandenburg ......... ........ . grondslagen gelegd in de Nederlandsche en wel speciaal in de FRIESCHE kolonie van de Altmark. Dat geldt eveneens op een ander gebied van de invloed, dien de bekwame molenmaker en sluizenbouwer Haije Steffens, toen wonende in Zaandam, doch van Friesche origine, kort na 1650 heeft gehad, die met zijn werkloze technici naar het Brandenburgsche trok, om daar met groot succes sluizen aan te leggen en molens te bouwen voor de afwatering. En in niet mindere mate van den FRIESCHE ingenieur GERRIT van BERLTSUM, meestal gespeld als GEERAERT van BELCUM, die in derzelfden tijd rondom het thans zooveel en onderscheiden besproken (rivier de) MEMEL, VESTINGWERKEN bouwde, waarop de Groot Keurvorst (van Prusen) zeer trotsch was. Zij allen waren Friesche pioniers in den vreemde, voortrekkers uit Oud Nederland, waar- over Kolonel F. Dekker nog kort geleden zulk een voornaam en buitengewoon interessant boek heeft doen verschijnen, nadat Maurits Wagenvoort jaren geleden onder den titel van “Voetspo- ren der Vaderen” reeds de aandacht had gevraagd voor Nederland’s geschiedenis buiten de grenzen etc. ......... ..........

De letter yn 1641 op Lettings State te Britsum berne Baron Menno van Coehoorn wie ek in ferneamd ûntwerper en bouwer fan fêstigingwurken. (ferdigeningswurken, bolwurken)

(De rivier de Memel komt ek yn “It Dútslân Liet” foar. Tekst: Deutschland, Deutschland über alles, über alles in der Welt, wenn es stets zu Schutz und Trutze, brüderlich zusammen hält, von der MAAS bis an die MEMEL, von der Etsch bis an den Belt, Deutschland, Deutscland über alles, über alles in der Welt!

Ofwol yn it Frysk oerset: Dútslân, Dútslân boppe alles, boppe alles yn de wrâld, wannear ’t hieltyd troch beskerming en wjerstân bruorrenleafde byinoar bliuwt, fan de MAAS oant de MEMEL, (it Memellân tsjin Litauen oangrînzjend) fan de Adige oant de Belt, Dútslân, Dútslân boppe alles, boppe alles yn de wrâld! )


L. C. 2-11-1778.

Wie gevonden heeft Vet SCHAAP, zijnde een Weer, met een kenteken in ‘t regter Oor, die hetzelve te regte brengt aan Age Lammerts te BELCUM, zal een verteering hebben.

L. C. 14-2-1851.

Mr. G. Schot, Notaris te Franeker, zal, op Woensdag den 26 Februarij 1851, des namiddags om 3 uur, ten huize van D. K. de Jong te BERLICUM, Provisioneel verkoopen: Een onlangs zeer verbe- terde en vergroote HUIZING, Stalling en Schure met Tuin en Erve, staande en gelegen in de KRUISSTRAAT te BERLICUM, aldaar gequoteerd met no. 73, Sectie A. 566, bij S.(ijtze) en J.(entje) Katstra in eigen gebruik; 12 Mei 1851 vrij te aanvaarden.

L. C. 4-4-2008.

KOM IN DE KAS SUCCESVOL ALS FAMILIE-EVENEMENT.

Het staat nummer acht in de top honderd van evenementen in Nederland met een gemiddeld bezoekers aantal dat de 200.000 overtreft. Dit weekeinde is het weer zover en zullen weer duizenden de kassen bezoeken van de grootverdieners van de Nederlandse Land- en Tuinbouw. Wat is het geheim van Kom in de Kas?

BERLIKUM – Tomatenkweker Theo van der Kaaij uit BERLIKUM doet vol overtuiging mee aan Kom in de Kas. Voor het toch enorme succes zoekt hij de verklaring enerzijds in de nieuwsgierig heid van mensen naar wat er nu gebeurt achter het glas en het familiedag karakter van het evenement. Want het is hem opgevallen, dat er altijd veel gezinnen met kinderen komen. “Je moet het een beetje zien als een dagje uit in de buurt, zoals anderen een dag uittrekken om naar de Efteling te gaan”. Kom in de Kas heeft een lange geschiedenis. Al in de vroege jaren zestig (fan de foarige ieu) hielden tuinders open dagen bij openstelling van weer een nieuw tuinbouwge- bied in het Westland. Dat leidde in 1977 voor het eerst tot een brede georganiseerde dag onder de nu bekende naam Kom in de Kas. En al snel bleek .......... .......... maar bedreigingen liggen op de loer. In de branche bestaat de vrees voor de insleep van ziekten. Vooral in de tomaten en kom-kommers is dat gevaar groot. ........... ......... Bovendien schermen we (op dizze dagen) sommige gedeelten af met plastic gordijnen etc. ........... ..........

Foto: Kassen mei de flaggen “Kom in de Kas”.

L. C. 23-7-2005.

VROLIJKE NOOT.

Vakantiewerk bij tomatenkwekerij van der Kaaij en Zonen. Er is meer aanbod dan vraag. Twintig vakantiehulpen kunnen van 7 uur ‘s morgens tot 5 uur ‘s middags aan de slag w. o. de 21 jarige Jan Eeltje van der Meij, die aan de hogeschool Windesheim in Zwolle tot bewegingsagoog wordt opgeleid. ........ ..........

(foto: fekânsjehelpen yn ‘e kas oan it wurk.)

L. C. 29-11-1972.

Nieuwe burgemeester van MENALDUMADEEL.

Mr. Dirk Reitsma naar gemeente waaruit grootouders stamden.

Het gezin waaruit hij stamde had sterke banden met de Friese hoofdstad, want moeder Reitsma had daar als dochter van ds. B. Klein Wassink haar jeugd doorgebracht. De grootvader van de burgemeester was een BERLIKUMER en grootmoeder kwam uit Dronrijp. Mr. Dirk Reitsma komt dus terug naar de streek van zijn voorouders. etc. ......... ..........

L. C. 7-2-1929.

SINT JACOBI PAROCHIE. 6 februari.

Gistermiddag zou de arbeider Jelle Tempel (de pake fan de BERLTSUMERS Jelle en Feico Hein ‘s Tempel c. s.) aan de Oude Bildtdijk met paard en wagen zwaaien. Tengevolge van de gladheid van den weg en het schichtig worden van het paard geraakten paard en wagen bij den hogen dijk neer in het ijs. De bestuurder geraakte onder den wagen, waardoor zijn linkerarm zoodanig werd gekwetst, dat hij zich onder geneeskundige behandeling moest stellen.

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

IT SIL MY WOARST WÊZE!

Berltsumer oppasbeppe Henny van der Wal–Kooistra, wenjende oan de Wiersterdyk,

komt by slachter Lolke Smit yn de Buorren oan bar en docht har boadskip.

Neidat beppe betelle hat, seit de slachter tsjin lytse Jacob:

“Sjoch, hjir hasto in stikje woarst fan my”.

Beppe: “Wat seit Jacob dan?”

Jacob: “Mei ik noch in stikje woarst, slachter?”

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 25-5-1905.

Terstond gevraagd een schoenmakersknecht bij J. Sangers te BERLIKUM. (Fr.)

Aanbiedingen niet op Zondag.

(Skuonmakker Jan Oepkes Sangers, berne te Easterein op 10-7-1878, wie yn earste boask op 5-5-1904 troud mei Grietje Durks (Thomassoan) Westra, berne te BERLTSUM op 15-3-1882 en yn twadde boask op 24-1-1950 mei Sytske Klaases (Cornelissoan) Runia, berne te BERLTSUM op 4-10-1878. Hy wie hjir ek hulpboade brievebesoarger. Hy is te Amsterdam stoarn op 26-9-1969.)