EAT OER DE WYNFANE DY ‘T OP DE KOEPELTSJERKE FAN BERLTSUM STIET

Oare nammen foar wynfane binne: waar- of wjerhoanne, wynwizer, waaier ensafuorthinne.

By de lêste restauraasje yn it jier 2000 is de LANTEARNE fan de Koepeltsjerke ôfhelle en hielendal restaurearre. De wynfane waard ek op ‘e nij fergulde troch Skildersbedriuw K. van der Graaf út Burdaard. Yn dizze fane is in troanjende figuur te sjen mei yn syn rjochterhân in stêf en dêr boppe op stiet in fûgel. Wa ‘t dizze troanjende figuur is en wat dy fûgel derby betsjut is net alhiel dúdlik. Der wurdt bytiden beweare dat de fane âlder is dan de BERLTSUMER TOER. Dat soe kinne, mar dan bliuwe der ek noch hiel wat fragen oer. De Patroan fan de eardere krústsjerke fan BERLTSUM wie de Aartsingel Sinte Michaël en dizze ingel kin it perfoarst net wêze. Dy wurdt hast altyd ôfbylde oan it haad fan de himelske hearscharen mei fakentiden in heven swurd yn ‘e hân. De troanende figuur mei op de holle de Pontifikale Pauslike TIARA (dus gjin MITER!) mei dêroan de twa ôfhingjende siden linten (* en de hoedersstêf yn syn rjochter hân, docht jin earder tinken oan in (krekt) kroande Biskop (de saneamde yntroanisaasje) sittende op syn troan (kateder). It wurd “Katedraal” de tsjerke wêr ’t de Biskop syn sit yn hat, is hjirfan ôflaet.

(Foto: Wynfane fan de Koepeltsjerke fan Berltsum)

It soe yn dit gefal ek sa wêze kinne dat hy de BISKOP fan ROME ferbyldzje moat en dan wol yn ferbân mei de hilligennamme fan de eardere tsjerke fan BERLTSUM, de HILLIGE MICHAËL. De Biskop is dan PAUS GREGORIUS I. (de Grutte). (de 64 ste Paus fan 590 - 604). Dizze Biskop fan Rome hat fan grutte betsjutting west foar de tsjerke fan Rome en letter ek mei de namme Michaël, dy ‘t letter jûn is oan in protte tsjerken yn it doe noch grutte Friezenlân. (De sân Frieze-lânnen, no noch altyd útbylde yn de sân pompeblêden). Wy kenne de Pausnamme Gregorius ek yn ferbân mei de folle letter ynfierde Gregoriaanske sangen fan Gregorius XIII en de hjir yn 1584 yn Hollân ynfierde Gregoriaanske kalinder fan Paus Gregorius XIII.) Paus Gregorius I. (de Grutte) hat nochal in soad ferbetterings oanbrocht yn de doedestiids ferfallen Roomske tsjerke. Dizze Biskop Gregorius I. de Grutte no, wurdt hast altyd ôfbylde as sittende op in troan mei in WITE DO, dy ’t him de hillige wurden fan God ynflústert yn de stalte fan in DO, it byld fan de Hillige Geast.

Wat hat dizze GREGORIUS I. de GRUTTE as opfolger fan de op 7-2-590 oan de pest ferstoarne Paus Pelagius II. no mei dy Aartsingel Michaël te krijen? It ferhaal giet nammentlik sa, dat de siktaris (Petrus de Diaken) fan de gelearde Gregorius, út nijsgjirrichens, it gerdyn dat him fan syn learmaster skiedde, ris fan opside skood hie en doe seach, dat Gregorius, dy ’t oan it skriuwen wie, streekrjocht troch de Hillige Geast ynflústere waard yn de stalte fan in DO. (dizze ôfbylding mei de DO wurdt ek wol in synthronom neamd). Yn de yn 850 boude “TSJERKE FAN DE FRIEZEN” (dy ’t deun by de Sint Pytter Katedraal stiet oan de lofter side) te Rome sjocht men rjocht derfoaroer jin, boppe it âlde haadalter, yn himmelsk blau, de Aartsingel Michaël, dy ’t boppe it Mausoleum fan Hadrianus ferskint oan Gregorius mei in WITE DO oan syn ear, en de HILLIGE MAGNUS (** dy ’t alyksa nei de Aartsingel opsjocht. Paus Gregorius hie in soad leginden sammele om oan te jaan, dat de Geast it gewoane minsklike oerstiigje kin. (Om it mei in modern wurd te sizzen: in soarte fan “overflow”.)

Ien fan dy leginden is de ferskining op 25-4-590 fan de Aartsingel MICHAËL boppe it Keizerlik Mausoleum mei in flamjend swurd yn de hân om de pestepidemy, dy ‘t Rome yn dy tiid teheistere, te kearen. Dit wie yn 590, it kroanjier fan Paus Gregorius I. op 3-9-590, fandêr dat hy as Paus yn dat kroanjier de tiare op de holle hat yn stee fan de biskoplike miter. Út tankberens tsjinoer Michaël en ta eare fan dizze Gesant fan God waarden der yn Rome njoggen (!) Michaël tsjerken stifte. Hjirfan waarden der acht tichteby en ien sels boppe op it Mausoleum fan Hadrianus boud. It Mausoleum soe no tenei “Ingelenboarch” hjitte. De njoggende Michaëltsjerke, as ienichst noch oerbleaune, is ús no bekend as de “Tsjerke fan de Friezen”. Dizze Michaëltsjerke ferbynt ús op in bysûndere wize mei de oantins oan Paus Gregorius de Grutte. Hy wie dus net de stifter mar wol de feroarsaker hjirfan. Op 8 maaie wurdt yn Rome no noch elts jier dizze ferskining fan Michaël oan Paus Gregorius I. betocht. Syn feestdei (St. Michielsdei) is op 29 septimber. It soe no sa wêze kinne, dat de wynfane mei de ôfbylding fan de Aartsingel Michaël (mei de draak) op de sealtektoer stien hat fan de eardere St. Michiels krústsjerke fan BERLTSUM.

Yn Easterbierrum stiet sa ek lykas yn Bredevoort en Terborg, in wynfane mei St. Joris (St. George) mei de draak op de toer fan de St. Joris tsjerke. Yn Bitgum en Snits St. Maarten (Martinus). Yn de tiid fan de Reformaasje waarden wynfanen, omdat se oan Roomske hilligen wijd wienen ek faak fan de toer helle en by nijbou of fernijing kamen se der jierren letter wer op. Sa binne der hjir en dêr miskien ek earne noch âlde fanen opslein west om jitris fermakke te wurden. De nochal lytse fane mei de ôfbylding fan, lit ús no ris oannimme, de op de Kateter sittende Hillige Gregorius de Grutte mei yn syn rjochterhân de stêf mei dêrop de do, (* soe bêst ris op it daksútein fan de âlde krústsjerke stien kinnen hawwe boppe it alter op de Eastkant en de (gruttere) fane mei de ôfbylding fan de oan de loft steande Aartsingel Michaël mei it flamjend swurd op de doedestiids ôfbrutsene swiere sealtek toer. As men de tekeningen fan de eardere krústsjerke besjut, kinne wy dêrop twa wynfanen gewaar wurde: ien op de toer en ien op it útein fan it tsjerkeskip.

Fuotnoat:

(* dat de do op de (lieders) stêf stiet kin hast net tafallich wêze. De Hillige Geast (de wite Do) liedt de tsjerke op har wei troch de wrâld. De tiara, is de pauslike trijekroan dy ’t de trije funksjes fan preester, kening en learaar symboalisearret. De tiara is in nettsjerklik ornamint en wurdt net ûnder de earetsjinst sels droegen. Bytiden wol by it ferlitten fan ‘e tsjerke nei de mis. Ek by nettsjerklike seremoniën as it hâlden fan pauslike processies en by plechtige dogmatyske ferklearrings. Gregorius de Grutte waard nei de pestepidemy yn 590 direkt al ta Paus kroand. Paus Paulus VI (stoarn yn 1963) hat de tiara dêrnei as pauslik kopdeksel ôfskaft. De rike útstrieling, sa fûn hy, past net mear by de opfetting, de Paus as plakbeklaaier fan Jezus dy ’t nea ryk, mar as ienfâldich minske ûnder de minsken west hat.

Paus Johannes Paulus de II. (de Poal Karol Wojtyla) liet him as lêste Paus yn 1963 noch mei de trijekroan, de tiara, kroane, mar droech him dêrnei net mear. Syn opfolger Paus Benedictus XVI (de Dútser Joseph Ratzinger) liet syn kopdeksel ferfange troch de Biskopsmiter, ek in soarte fan kroan, mar ien dy ’t allinne wiist op de macht om te ûnderrjochtsjen, te hilligjen en om de tsjerke te bestjoeren.

Lykas al út supra hjir earder neamd, droegen de pausen allinne by de kroanings, mar net by liturgyske seremoanjen, lykas prosesjes en dogmaferklearrings, de tiara. Nei de mis, as de Paus de St. Piter ferliet, koe it ek foarkomme dat hy de tiara wolris op ’e holle hie. Dat hy hjir op de fane ôfbylde wurdt mei in tiara en net mei in miter, kin ek it jier 590 oanjaan, yn ferbân mei de te Rome doe op 25-4- 590 holden prosesjes, itselde jier fan syn kroaning op 3-9-590. Biskop Paus Pelagius II, de foargonger fan Gregorius de Grutte waard as ien fan de earste slachtoffers yn 590 troffen troch de pestepidemy. Hy ferstoar op 7-2-590. Yn de hoop de ellindige gefolgen fan dizze besmetlike sykte keare te kinnen, lit de nije biskop Gregorius de Grutte in boeteprosesje hâlde. Ûnder de prosesje beswiken noch tachtich dielnimmers. Folle letter wurdt hjir de leginde oan tafoege, dat doe’t de prosesje fan it sammelplak fan de Maria Maggiore op wei nei de Sint Piter by de Tiber oankamen, der boppe it mausoleum fan Hadrianus de ierdsingel Michaël ferskinde mei in flammend swurd yn syn hân. Hy stiek syn swurd yn de skie en makke sa in ein oan de pest. Dizze ferskining fan Michaël boppe it Keizerlik mausoleum stiet op in grut skilderij yn de tsjerke fan de Friezen ôfbylde. De tankberens tsjinoer Michaël is grut en ter ere fan dizze gesant fan God waarden dêr yn Rome njoggen Michaëlstsjerken stifte. Hjirfan wurde der acht tichteby en sels ien boppe op it mausoleum fan Hadrianus boud. Fan al dizze Michaëlstsjerken is de tsjerke fan de Friezen dêr noch as ienige oerbleaun en stiet no op de list fan it ‘Wrâld Erfguod’.

(Yn Harns waard de aartssingel Michiel nei de Reformaasje út it wapen fuothelle, mar it kaam yn it midden fan ‘e 17de ieu op Westertsjerke te stean. Letter ferhúze it nei de toer fan it stedhûs, wilens it om 1730 hinne ek in plak krige boppe de yngong fan it stedhûs.)

...................................................................................................

IT FOLKSLEAUWEN.

Yn it folksleauwen naam de Hillige Michaël as sielegelieder it plak yn fan de eardere Germaanske deadengod Wodan. De dea waard ek wol neamd Michaëlssliep. Bekend is ek de namme Michaëlsbrea en de wylde jachtstoarm Sint Michaëlswyn.

DE FANE(N).

By it ôfbrekken fan de âlde Krústsjerke binne de beide fanen frijwol seker nei Bitgum, nei it Slot fan de fan Swartzenberch thoe Hohenlansbergs brocht foar opslach. It kin ek sa wêze dat der mar ien fane (de lytse) nei it Slot brocht is en de grutte net omdat dizze tenein, fersliten en net mear op te meitsjen wie. Wa sil it sizze.

Wy moatte no efkes werom nei 1777 - 1779. Yn it REKKENBOEK fan de tsjerkfâdij, wêryn de kosten fan de bou fan de Koepeltsjerke wiidweidich beskreaun binne, stiet it folgjende oer de gouden bol en de waaier: Op 17- 9-1779 betelle oan Boate Bartels (Bote Bartholomeus Klok tr. m. Rixtje Savis de Jong, ferver/glêzemakker te BERLTSUM) fanwege it arbeidslean foar it fergulden fan de pynappel en de waaier op de tsjerke en it ferguldzjen en fervjen fan de wizerboarden, sawol yn as bûten de tsjerke, mei wat glêzemeitsjen, meiinoar 23 car. gûne 15 stoeren. Betelle oan Klaas Mulder op 13 – 4- 1778 14 Car. gûnen foar 20 boekjes blêdgoud foar de pynappel op de boppekoepel. Yn de rekken wurdt nearne sprutsen oer it meitsjen fan in nije fane en ek net fan in nije pynappel. Op 14– 4- 1778 wurdt betelle oan Tsjeard Romkes (Bontekoe) foar in boadskip nei Bitgum om de waaier, bestimd foar de nije (Koepel) tsjerke, by de Heare Schwartzenberg fuort te heljen: 4 stoeren. Dit kin de ús no bekende wynfane wêze. Schwartzenberg sil nei it ôfbrekken fan de âlde krústsjerke de koperen waaier mei de izeren makelder salang yn ien fan de kelders fan syn kastiel te Bitgum yn bewarring hân hawwe. Yn BERLTSUM hat net ien der plak foar hân mei men oannimme. It is in nochal grutte izeren makelder wer’t de yn ferhâlding lytse koperen waaier oan draait.

Mar der is noch in swierrichheid. Út it Rekkenboek fan niisneamde tsjerkfâdij wurdt oanjûn dat YN IT JIER 1794, betelle is oan Joh. de Valk te BELCUM en Tjisse Sterringa mr. fervers foar it opfervjen fan de tsjerke fan bûten 112. -.- .--. en foar it fergulden fan de pynappel en wjerhoanne boppe op de tsjerke 31.-- .--. plus it 2 wizerringen fervjen en ferguldzjen mei de wapens, ek oan wjersiden fan de foardoar of poarte, mei it ôf- en oanbringen fan de wizers en hier fan de kleden by it ferguldzjen fan de pynappel brûkt, 184. -- .-- Mar no komt it ! ! !

TWA JIER LETTER stiet yn it Rekkenboek oer it jier 1796: Betelle oan Jacobus Klinkhamer (*, master koperslagger te Ljouwert, foar in GEHIEL NIJE WAAIER of saneamde wjerhoanne op de tsjerke 5—10 —.—

Myn fraach is no: Is hjir ek in alhiel nijmakke waaier bedoeld of is de waaier hielendal fernijd of is der ûnderwilens miskien in twaddehâns waaier earne kocht om dy gehiel te fernijen omdat dy âlde lytse waaier no ûnderwilens ek fersliten wie. Ek hurde wyn, stoarm of waarljocht kinne de oarsaak west hawwe. It bedrach wat betelle waard foar de lêstneamde nije waaier wie, nei myn betinken foar dy tiid, net sa heech. It sil wol in riedsel bliuwe tink ik. Of binne der oaren mei in oare teorie?

Dat Paus Gregorius de Grutte hjir op de waaier útbylde wurdt as hinnewizer nei de aartsingel Sint Michaël en hjir no noch sa op de toer stiet is foar my, en foaral nei myn besite oan Rome, wol it grutste bewiis.

Fuotnoat:

(* Master koperslagger Jacobus Klinkhamer wie in grut keunstner en útfiner. Sa hat hy ris in potfaasfontein makke mei twa wetterfallen en gruttere fan dy fonteinen en in brânspuitsje wêrmei twa manlju in brân dwêste koenen. Ek syn widdo biedt letter noch troch him makke brânspuiten oan.

NOCHRIS eat oer de DO.

De hieltyd weromkearjende do.

De do stiet ek symboal foar it bringen fan frede en fersoening. Yn de Joadske tradysje wurdt de do beskôge as in wezenlik kenmerk fan de do, dat sadree ‘t se útfljocht, se hieltyd werom komt nei it plak wer ’t se oarspronklik wei komt. Somlike wurden hawwe yn it Hebriuwsk deselde stam as it wurd do, Jona bygelyks. Jimme kinne it ferhaal.

ST. MICHIEL tsjerken.

Sint Michieltsjerken binne noch te finen yn bygelyks: Harns (Almenum), Eanjum, Allingawier, Jirnsum, Wergea, Wâldsein, Swol, Middelharnis, Leersum, Sittard, Breda, Oudewater, Thorn, Oosterland (gem. Wieringen), Beek en Donk, Beek, Schalkwijk, Koudekerke, Sint Michielsgestel, Maastricht, Koudekerk-Rijndijk, Nes/it Amelân, Eindhoven, De Bilt, Zuiderschermer, Wester-blokker, Enschede, Hazerswoude-Rijndijk, Huten, Hengem, Oosterland N.H., Dennenburg, Wanssum, Mensingeweer, Blokker, Berg/Maas, Schoklân, it eardere Emmeloord, Brussel (de Sint Michiel & Sint Goedele katedraal) etc. It Praemonstratinzer (frouljus kleaster) by Baaium (1186) wie ek nei him neamd. Magnus tsjerken yn bgl. Anloo en Bellingwolde. Gregorius de Grutte is sa om 540 hinne berne en ferstoarn op 12 - 3- 604. Hy is letter hillich ferklearre. Hy wie Paus fan 590 oant syn ferstjerren yn 604. Syn feestdei is 3 Septimber yn de Roomske tsjerke en op 12 Maart yn de Orthodokse- en Easterse tsjerken. Sint Michielsdei is op 29 septimber en Sint Magnusdei op 19 Augustus. Yn eardere tiid wie Magnus, as martele Biskop, in wichtige hillige. De Friezentsjerke yn Rome is ek oan him tawijd. Michiel en Magnus binne yn it Friezenlân altyd in soad fereard en oanroppen yn de Roomske tiid. Op de Minniste tsjerke fan BERLTSUM stiet as wynfane in skip. Neffens S. ten Hoeve is it in skûtsje. In jimme miskien wol bekend rymke is:

“De Minnisten hawwe in houten húske, de Roomsken hawwe in krúske, de Kalvinisten hawwe in hoantsje en de Lúthersen in swantsje”. (De oarspronklike namme fan Lúther betsjut yn it Dútsk Swan. De 1e herfoarmer, Luther’s bewûnderder, wie Johannes Hus en Hus en betsjut yn it Boheemsk guos.)

Wynfaan Herfoarme tsjerke (Close up)

Fuotnoaten:

(* Ik wit it net seker, mar op de beide oer de skouder hingjende linten oan de TIARA fan de Paus moat stean, sa is my wolris ferteld of ha ik wolris lêzen: Vicarius Fillii Dei, oerset: Steedhâlder fan de Soan fan God. In oare ferzje is: Vicarius Christi: oerset: Steedhâlder fan Kristus.

(** De Hillige MAGNUS libbe yn de 3e ieu. Hy wie, neffens lettere libbensbeskriuwings, Biskop fan Trano (Trani) en Fundi, en genoat bysûndere beskerming fan de ingel Michaël; en stoar as martelder t. t. f. de Kristenferfolging ûnder Keizer Decius (248 - 251). Yn de 12e ieu krige hy op ferskate plakken bysûndere ferearing. Fan de reliken binne dêr en yn de San Michêle dei Frisione (Tsjerke fan de Friezen yn Rome) terjochte kommen, dat de tsjerke dêr no neist de Hillige Michaël ek oan de Hillige Magnus wijd is. (San Michêle et Magnus) In noch oanwêzige ynskripsje yn dy tsjerke neamd dêr trije mei namme Fryske “milites” tegearre mei in frommeske, dy ’t as ancille Dei betitele wurdt, dy ’t dizze reliken yn Fundi fûn hawwe doe ’t hja Karel de Grutte en de Paus te help kommen wienen tsjin de Saracenen. In wûnder twong har it grutste part dêrfan yn de Friezentsjerke (stifte om 850 hinne) efter te litten. In lytser part mochten hja meinimme nei Fryslân. (nei Esens yn it Harlingerlân yn East-Fryslân). Yn Fryslân sels bestie in tsjinhinger fan dizze oerlevering. De Magnus Keuren oangeande, de Magnus sage, dy ’t ferhellet hoe de Keuren ta stân kommen binne. Magnus soe de findeldrager fan de Friezen west hawwe, dy ’t Rome en de Paus ferdigene hawwe. Fan Keizer Karel en de Paus ferkrige Magnus dêrop as beleaning de Fryske Wetten, wêrtroch alle Friezen frij binne, sawol de berne en de netberne, salang as de wyn fan de wolkens waait en de wrâld stiet. Dizze Wetten omfetsje de yn de Sage opnommen 7 Magnus-kearnen, en fierder de 36 Seendrjochten, de 17 Keuren (d. w. s. de 17 keazen rjochtsrigels) en de 24 Lânrjochten. Al dizze wetten soenen neffens de Sage troch Magnus yn de Sint Michaëls tsjerke fan Harns - Almenun brocht wêze. Yn de 15e en de 16 ieu woeks de Magnus-tradysje yn Westers-Lauwersk Fryslân fierder oan. Yn dy tiid is ek de Berltsumer Krústsjerke boud, wijd oan Sint Michaël. De tsjerken fan Anloo, Bellingwolde, Hollum en Hoarnstersweach binne ek oan St. Magnus tawijd.

Sjoch ek op Google: St. MAGNUS van Hollum en CELDUI van Esens.

Paus Gregorius de Grutte wurdt sittend ôfbylde (sa ek yn BERLTSUM) mei tiara en pauslike stêf, of mei in boek of skriuwend (as tsjerkefaar). It kin ek wêze dat hy op de âlde Berltsumer toer stien hat as “hinnewizer” nei de Aartsingel Michaël de beskermhillige fan dizze tsjerke.

De fane moat yn 1844 ek fan de toer west hawwe om restaurearre te wurden, sa is my oerlevere, de fane bestiet út read- en gielkoper t. w. de flagge en de do út readkoper en fierders út gielkoper.

(of it is oars om, dat wit ik sa net mear.)

Fierders is Sint Michiel patroan fan in berch of heuvel, de ridders, soldaten, wapendragers, skermers, keaplju, weachskaalfabrikanten, útbalansearders, ikers, apotekers en gean sa mar troch. Hy is ek beskermhillige fan tsjerkehôven en tsjerkhôfkapellen. Ek wurdt hy oanroppen tsjin de waarljocht en ûnwaar; tsjin hommels ferstjerren en foar it ferkrijen fan in goede dea. Omdat Sint Michielsdei (29 septimber) falt by it wikseljen fan ‘e tiden fan it jier, de oergong fan ‘e simmer nei de hjerst, waarden der yn earder tiden oeral St. Michielsmerken holden. Om syn feestdei hinne binne in protte waarspreuken en boerewiisheden ûntstien dy ’t mei him yn ferbân brocht waarden. As: Met Sint Michaël pluk je vruchten wel. Met Sint Michiel de warmte ter ziel. Als de eikels vallen voor Sint Michiel dan snijdt de winter door lijf en ziel. Is Sint Michielsdag nat, de hele herfst hou je dat. Trekt voor Sint Michiel de vogel niet, geen winter in het verschiet. etc. etc. De neisimmer, âldewivesimmer of Sint-Michielssimmer (somtiden ek wol as Été Indiën of Indian Summer oantsjutten) is de perioade fan mids septimber (St. Michielsdei is op 29 sept.) oant healwei novimber wêryn it noch simmereftich waar wêze kin. Sint Michiel is de beskerm-hillige fan ‘e skippers. Dat de tsjerken fan Harns en BERLTSUM (it eardere oan see lizzende Útgong) oan St. Michiel wijdt binne kin nei alle gedachten dêrop tsjutte.

.......................................................................

WA IS DE APOSTEL FAN ‘E FRIEZEN?

Net de bekende misjonarissen Bonifatius, Willibrord of Liudger mar Gregorius (sirka 707-775) is de wiere apostel fan ‘e Friezen wol men wol hawwe. Fryslân (“Frisia” of “Fresia” yn ‘e Latynske bronnen) wie yn ‘e iere Midsieuwen folle grutter dan it hjoeddeiske Fryslân (de nammen West Fryslân yn N-Hollân, East Fryslân yn Dútslân en Noard Fryslân ticht by de Deenske grins werinnerje der noch oan); it lange kustgebiet tusken Flaanderen en Denemarken hearde der ek derby. Willibrord (wijd ta ta aartsbiskop fan ‘e Friezen), Bonifatius (1260 jier ferlyn by Dokkum fermoarde) en Liudger (de earste bekende Fries, soan fan in yn 742 te Zuilen, by Útert, berne Fryske Ealman, dy ’t biskop te Munster, it lân fan de Saksen, waard), hienen goede papieren foar de eretitel, mar foar gjin ien fan de “Grutte Trije” is Fryslân lykwols it gebiet wurden wer ’t harren hert lei en wêr ’t hja mei harren misjewurk it measte sukses hienen. Gregorius (sirka 707-775) dêrtsjinoer, troch Bonifatius yn Rome presentearre as syn opfolger, rekke woartele yn ‘e Fryske lannen. Wat Gregorius dêr yn rom twa desennia ta stân brocht, makke yndruk. Syn kleasterskoalle (te Útert) krige in goede réputaasje yn hiel Noard-West-Jeropa. Mei syn meiwurkers triek Gregorius de Fryske lannen yn. Hy preke net allinne, mar ûnderrjochtte ek it Fryske folk troch withoe folle en noflike lessen. Yn it jier 700 waard op it plak wêr’t no de Dom stiet in Sint Martenstsjerke boud. No noch parearet Sint Marten op de spits fan ‘e Úterstke Domtoer en op oare plakken yn it sintrum fan Útert. Nei it ferstjerren fan Gregorius yn it jier 775 wie de opbou fan Útert en de kontrôle op de Fryske gebieten benoarden dêrfan al safier foardere dat Alberik, Gregorius opfolger, yn it jier 777 ta earste biskop fan Útert wijd wurde koe. Dat it fierdere kristenjen fan ‘e Friezen noch ferskate generaasjes yn beslach naam, wie net allinne in gefolch fan de tsjinramp dy ’t de Noarmannen yn ‘e 9de ieu oer de Fryske lannen brochten, it wie ek de tsjerke sels dy ’t fanút in wûne posysje net folle haast makke mei it folsleine kerstenjen fan ‘e Friezen. Men tolerearre noch lang alderhanne mingfoarmen, foaral yn de fierôfhandig en net maklik te berikken delsettings.

........................


KEARSE-PROSESJES.

Lykas mei earste Advint de earste advintkearsen oanstutsen wurde – wy geane dan de donkerste tiid fan it jier temjitte – sa stieken de Kristenen mei Marije Ljochtmis tradysjoneel ek kearsen oan, no om dêrmei oan te jaan dat it foarjiersljocht op 2 febrewaris hieltyd fierder trochbrekt. Der waarden foar de mis kearsenprosesjes hâlden fandêr de namme “ljochtmis”. Yn Menaam hat men no ek noch in Ljochtmisdyk. In âlde folkssizwize is: “Nei de Kryst wurdt it deiljocht in hazzesprong ljochter, nei Nijjier in hartesprong en mei Marije Ljochtmis in hiele oere”. Oft jo no Roomsk of Protestant binne, dit tanimmende ljocht is foar eltsenien wichtich. Yn eardere tiid wurken de ambachtslju yn de winter by kearsljocht, mar dat wie natuerlijk djoer. Fanôf twa febrewaarje koenen de kearsen lokkich wer út en wurke men noch allinne by deiljocht. Ek dêr heart in aardige folkssizwize by: “Marije blaast it ljochtsje út en MICHAËL stekt it wer oan”. Dat betsjut: fanôf Marije Ljochtmis is der gjin keunstljocht mear nedich, mar fanôf de dei fan de aartsingel MICHAËL (29 septimber) moat it kearsljocht wer oan. (No ja, Sint Maarten, âlve novimber, is betiid genôch.)

------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

WAARSPREUK. (12 maart.)

Is het weer op Sint Gregorius dol, dan kruipt de vos reeds uit zijn hol.

Maar is het schoon en zonder vlagen, hij schuilt nog veertien dagen.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

De JULIAANSKE Kalinder is yn 46 foar Kristus ynfierd.

De Kristlike tsjerke naam dit oer. Op it Konsily fan TRENTE (1545 - 1563) waard besletten om oer te gean ta in nije Kalinder, de Gregoriaanske, ynfierd foar West-Jeropa yn 1587 en neamd nei Paus Gregorius XIII. Dizze is yn Fryslân pas yn 1700 ynfierd. It ferskil wie 12 dagen, 1 Maaie waard 12 Maaie by it oanfurdzjen fan nij wurk, de huzen en de pleatsen. (om ekonomyske redenen, it mocht ommers gjin jild kostje) Dan noch eat oer de Gregoriaanske sangen en muzyk yn de tsjerklike liturgy. De term Gregoriaansk verwiist ek nei dizze Paus.

Yn Hollân waard yn 1583 de nije styl (NS) ynfierd, de Gregoariaanske kalinder. Dêrtroch rûn Fryslân yn de 17e ieu 10 dagen efter op Hollân. Dit ferskil wie yn 1700 oprûn oant 11 dagen, omdat 1700 neffens de âlde styl wol in skrikkeljier wie. De Gregoariaanske kalinder waard yn 1701 pas yn Fryslân ynfierd en dat jier begûn dus mei 12-1-1701. Sûnt dy tiid sprekt men ek fan “âlde” en “nije” Maaie d. w. s. it oanfurdzjen fan nij wurk of in nije wente is op 12 Maaie fan dat jier.

Earne oars noch lêzen.

MICHAËL betsjut oerset: “Wa is oan God gelyk? Dêroer skriuwt St. GREGORIUS:

Telkens als er grote wonderen moeten gebeuren, werd St. Michaël erop uitgestuurd. Uit diens handelen en zijn bijpassende naam moest duidelijk worden dat niemand zulke grote werken kan verrichten als God alleen. Vandaar ook dat aan Sint Michaël uitzonderlijk grote wonderwerken worden toegeschreven.

Op 25 april 590 werd een processie gehouden om de pest die in ROME woedde tot stilstaan te brengen. Toen de processie de brug over de Tiber naderde verscheen Michaël op het Mausoleum van keizer Hadrianus met een vlammend zwaard in de hand. Hij stak het in de schede, alsof hij daarmee te kennen wilde geven, dat het genoeg was. Sindsdien heet die burcht “De Engelen-burcht”, ze werd omgedoopt tot een Michaëlskerk. Dit alles tekende Gregorius van Tours op uit de mond van één van zijn diakens die bij dit alles zelf aanwezig was geweest. PAUS Pelagius II. was op 3 februari van dat jaar gestorven. GREGORIUS nam zijn diensten waar. (hij zou in dat-zelfde jaar - op 3 september - tot Pelagius opvolger worden gekozen.

Waarschijnlijk was het deze kerk waarvan de inwijding plaats vond op 29 september, de dag die tenslotte werd aangehouden als definitieve FEESTDAG van Michaël en alle aartsengelen.

BESKERMHILLIGEN.

Oare tsjerken (doarpen, stêden), lannen krigen harren Beskerm Hilligen lykas St. Nicolaas, Maria (O. L. Vrouwe), St. Vitus, St. Godehardus, St. Martinus, etc. etc. De Biskop fan de Friezen hie syn sit yn Útert. Útert lei destiids yn it Friezenlân. Neidat it Kristendom ynfierd wie waard Útert de sit fan de aartsbiskop. It âlde ferhaal giet sa: dat Útert syn namme krigen hat fan de Germaanske snie- of wintergod Ullr. De namme waard ferbûn mei Trajectum (trajekt - oerstekplak fan Ryn). Ullr trajectum - dêrnei Ul trjectum - Utrecht. (Útert) Ullr wie de god fan de goeddiedichheid, dy ’t troch de Friezen fereare waard. De namme Ullr komme wy ek tsjin yn de plaknamme Ulrum. (Dêr is de ôfskieding fan 1834 begûn.) Doe it Kristendom hjir kaam, waarden de Germaanske goaden fan harren fuotstik smiten en faak fergetten. Ullr brûkte in mantel krekt as de goed-diedige St. Maarten. (“Met de mantel der liefde bedekken”.) De tsjerke fan Útert waard oan dizze St. Maarten wijd. Yn werklikheid wie syn heit in Romeinsk kriichshear. Doe ’t hy in soan krige, neamde hy him nei de god fan de oarloch, Mars. Nei syn bekearing ta it Kristendom waard de namme feroare yn Martinus. De tsjerken fan Grins, Westergeast, Dokkum, Kollum, Burgum, Frjentsjer etc. etc binne oan him wijd. (St. Martinus fan Tours ). BERLTSUM foel dus earder ûnder it Aartsbisdom Útert. It St. Maartenrinnen wie yn BERLTSUM by de bern ûnbekind. Troch de ymport is it no ek hjir sawat in tradysje oan it wurden.

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

BOERENSPREUKEN:


Geeft Michaël geen wijn

dan geeft Sint Gal azijn.

----------------

Michaël met Noorderwind

geeft een droge Oktober.

---------------

Komt Michiel vrolijk en schoon

vier weken zulk weer is ons loon.

----------------

Als de eikels vallen voor Sint Michiel

dan snijdt de winter door lijf en ziel.

De egel die de adder doodt is een beeld van Michaël met de draak.


Fryslân hat MICHAËLS hillichdommen nei de fjouwer himelstreken.

Yn it Westen: de stêd Harns.

Yn it Noarden: BERLTSUM.

Yn it Easten: Eanjum.

Yn it Súden: de flecke Wâldsein.

MICHIELS LIET.

*****************

Lykas berntjes om heit roppe

Sjogge wy nei Jo dêr boppe

Michaël in skutspatroan

Hege ingel fan ‘e Heare

Wol ús Jezus’ wegen leare;

Yn Syn namme libje wy.

As de stoarmen om ús rûzen

See en marren heger brûzen

Rôp ús folk Jo namme oan

Hege Ingel fan de Heare

Wol de rampen fan ús keare;

Michiel, ús ta stipe steld.

Liedt it skipke fan Jo tsjerke

Oer de weagen lit ús merke

Dat Jo steane oan it roer

As wy ienris d ‘ein besile

Lit yn it himelryk dan diele;

Ús Parochy fan Wâldsein

Ús Parochy fan Wâldsein!

Pastoar Welsing.

--------------

Oersetting: J.(an) R.(omke ’s) v. d. Wal.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

(Jan Romke ’s van der Wal is berne te DOANJUM op 27- 1-1947. Syn heit wie dêr boer op in pleatske tusken Frjentsjer en Doanjum. Syn heit wie frijsinnich Herfoarmd en syn mem behearde ta de “Gearkomste fan leauwigen”. (Darbisten) Dit joech thús ek wolris spanning. Op syn 14e sei hy it leauwen farwol, hy bleau lykwols sykjende mar fûn it werom neidat hy it boek oer de evolúsje en it leauwen lêzen hie fan de roomske preester, wittenskipper en filosoof Pierre Teilhard de Chardin (1881 - 1955). Hy socht kontakt mei de Nederlânsk Herfoarme tsjerke mar naam úteinliks it beslút om Roomsk te wurden. Van der Wal gie de preesteroplieding folgjen en op syn 33e waard hy ta preester wijd troch biskop Möller yn Bakhúzen. Hy wennet no yn Frjentsjer oan de Groenmarkt mei it útsicht op de grutte Martinitsjerke, dy ’t de Roomsken by de Reformaasje oan de Protestanten ferlearen. (Syn heit wie frijsinnich Herfoarme en hat tsjerkfâd yn Doanjum west. Syn mem wie oanslúten by de Vergadering van Gelovigen. (de Darbisten) en behearde dêrfoar by de Frije Evangelyske tsjerke.)

Sjoch syn webside: Pylger almanak. Almanak voor de pelgrim. Hy fertelt hjiryn in protte nijsgjirrichheden. Oer Fryslân, oer BERLTSUM etc. ... ... Aerdich om it ris te lêzen.

FRANEKER COURANT. 8-2-2012.

Priester van de Wal met emeritaat.

Met een speciale mis werd onlangs afscheid genomen van J.(an) R.(omke ’s) Van der Wal. De pastoor keert terug naar zijn geboortestreek en plant in FRANEKER. (sjoch ek Wijd en Zijd 1- 2-2012 pag. 3, Oud Balkster priester met emeritaat. Sneeker Nieuwsblad 1- 2-2012 Oud pastoor van Woudsend stopt. en het Sneeker Nieuwsblad 1- 2-2012 pag. 41, Pastoor Jan Romkes van der Wal met emeritaat. Allegear mei foto ’s.)

Pastor Jan Romkes van der Wal tidens de mis yn Bolward

GÂTZE LETTINGA

In oare Doanjumer dêrtsjinoer hie wer hiel oare ûnderfinigs. It wie Gâtze Lettinga, destiids heechlearaar “anaërobe suveringstechnology yn Wageningen. Syn heit moast him destiids dope litte om in pleats yn Doanjum fan ‘e tsjerke dêr keapje te kinnen. Hy krige in net te leauwen spul mei de tsjerkerie. Doe ’t Gâtze letter mei in Grykske frou trouwe woe, moast hy bewize dat er gjin moslim wie. De Griken spuie op de Turken. Hy prebearre om doopt te wurden by de (frijsinnige) Nederlânske Protestanten Bûn (N. P. B.), by de Minnisten, mar it wie om ‘e nocht. Mar hy ûntduts dat yn syn paspoart N. H. (Nederlânsk Herfoarmd) stie. Dat wie foldwaande foar de Grykske klearus om him te akseptearen. Sa krige hy dus letter dêrtroch as net-doopte, mar wol as “geboortelid” (is in net-doopte fan in doopt lid) fan ‘e Herfoarme tsjerke, syn frou. Hy hat dêrtroch in oare “kyk” op de tsjerken krigen.

DE PEST.

Ieuwenlang hat men gjin idee hân wêr ’t de pest wei kaam. Wie it it wetter? Besmette lucht? Fergif? Of de flok fan God? Tank sij de Joadske reinigingswetten waarden Joaden minder gau siik. Ek brûkten de Joaden gjin wetter út de iepenbiere putten. Mei dêrtroch waarden se derfan fertocht it wetter yn de iepenbiere putten fergiftige te hawwen. By namme de Joadske wyk fan Brandenburch foel tige op, omdat hjir mar 5 prosint fan de befolking slachtoffer waard. Dat wie oan de reinigingswetten út it Âlde Testamint te tankjen, dy ‘t troch de Joadske dokter Balavignus konsekwint trochfierd waarden. Balavignus kende as Joad de Tenach (it âlde Testamint) en dêrom joech hy yn 1348 befel om de hiele Joadske wyk skjin te meitsjen en al it âffal te ferbrânen. Hy fierde alles út wat neffens de reinigingswetten fan Leviticus, it tredde boek fan de Hebriuwske Bibel, dien wurde moast. As gefolch fan dizze komplete skjinmakkerij ferdwûnen de ratten en de flieën nei de omlizzende wyken en stêden. Yn stee fan dat de maatregels fan Balavignus oernommen waarden, waard hy net sa lang martele dat hy “it tajoech” de wetterputten fergiftige te hawwen. Hjirnei binne tal fan progroms útfierd yn hiel Jeropa mei tsien-tûzenen Joadske slachtoffers. Sa waard yn de stêden Bazel, Frankfurt, Straatsburch en Keulen de totale Joadske befolking útroege.

Hjir yn BERLTSUM wienen der yn it begjin fan de 20ste ieu noch in protte sleatten dy ’t tige fersmoarge wienen. Sa is bgl. út reden fan folkssûnens de Grúsert yn de rin fan de jierren ek dimpt (1917 e. f. ) en moasten de dongbulten yn de rin fan de tiid ek út BERLTSUM ferdwine. Der kamen yn ús omkriten swimbaden, omdat de sleatten tige fergiftige wienen troch it gebrûk fan bestridingsmiddels. No meie in protte bestridingsmiddels ek net mear brûkt wurde of yn it gehiel net mear.

GREGORIUS VII. kontra HENDRIK IV.

In tredde, ek tige bekende neist de boppeneamde bekende Pausen Gregorius 1. en Gregorius XIII. wie paus Gregorius VII.

Wat wie it gefal. Paus Gregorius VII. hie yn 1076 de Dútske Keizer Hendrik IV. yn de ban dien en him ekskommunisearre. It begûn allegearre doe ’t der fanôf de 10de ieu it stribjen wie om de tsjerke frij te meitsjen fan it oerhearskjen fan de wrâldske macht. Dit stribjen waard berne yn it kleaster fan Cluny yn it Frânske Bourgonje dat nei in Evangelysk libben begearde fan earmoede, aseze, inerlikheid en frijheid fan twingerige bannen. Dit langjen waard troch de herfoarmingsgesinde Paus Gregorius VII. (1073-1085) nei de hiele tsjerke oerbrocht. De nei him neamde “Gregoriaanske Herfoarming” laatte ta in stevich krêftpriuwen tusken de Keizer en de Paus, foaral rûn it rjocht om biskoppen te beneamen. Spearpunt yn de striid om in frije en suvere tsjerke fan Paus Gregorius VII. wie dan ek it bestriden fan de saneamde lekenynvestituer, de macht fan de eallju oer de Biskoppen. Gregorius VII. sette syn opfettings útien yn it dokumint “Dictatus Papae” (Diktaat fan ‘e Paus) wêryn hy stelde dat de Paus de opperhoeder is fan de hiele kristenheid. De Paus stie neffens dit diktaat net allinne boppe alle Biskoppen, mar ek boppe alle foarsten en sels boppe de Keizer. De Keizer wie dus mar in leek krektlyk as alle oare leken en hie dêrom neat te sizzen oer de beneaming fan Biskoppen. De Keizer begûn dêrmei syn sakrale glâns te ferliezen. As leauwige wie de Keizer, lykas eltse leek, hearrigens ferplichte oan de Paus. En de Paus koe, sa neffens Gregorius, as it omreden fan morele of religieuze saken gie, de Keizer sels ôfsette. Keizer Hendrik IV. (1056-1106) tocht dêr hiel oars oer en waande him noch hieltyd as haad (d. w. s. as Roomsk Keizer it haad fan it Roomske ryk) fan hiel it Kristendom. Hy bliuw him dan ek yntinsyf bemuoien mei it beneamen fan de Biskoppen. In gefjocht tusken Paus en Keizer wie ûnûntkomber. De lont waard ûntstutsen oan de Biskopssit fan Milaan, neidat sawol de Paus as de Keizer dêr beide in kandidaat fan harren foarkar foar hienen. As in reaksje op de Keizer furdige Gregorius VII. ûnder de Synoade fan Rome yn 1075 in ferbod op de lekenynvestituer út en drige Hendrik IV., as hy it ferbod negearje soe, mei ekscommunikaasje út de tsjerklike mienskip. De Keizer antwurdde troch de Paus ûnder de Ryksdei fan Worms yn 1076 as ôfsetten te ferklearjen. Yn in reaksje dêrop die de Paus de keizer dan ek diewurklik yn de ban. Troch de ekskommunikaasje wie de Keizer yn in ûnmooglike posysje telâne kommen. Neffens it doe jildende rjocht wienen de ûnderdanen gjin hearrigens mear ferskuldige oan de Keizer dy ’t troch de Paus bûten de tsjerklike mienskip pleatst wie. As gefolch hjirfan kearden de Dútske foarsten harren no ek tsjin de Keizer. Hja easken dat Hendrik IV. him binnen in jier mei Gregorius VII fersoenje soe. (earst wie it: “nach Canossa gehe ich nicht!”) As hy dat wegere, soe de Keizer fan syn troan stjitten wurde. Hjirop ûndernaam Hendrik IV., begliede troch in lytse staasje, in boetetocht nei Itaalje. Troch de winterske kâlde fan 1076/1077 stiek de terge Keizer de besnijde Alpen oer en wachtte dêrnei trije dagen lang, fêstjend en klaaid yn in hierren boetekleed by de boarch Canossa yn Noard-Itaalje.

In oare leginde fertelt dat Hendrik IV. sels trije dagen lang op bleate fuotten troch de snie rûn en de Paus om ferjouwing smeke hie. Der binne sa ek wer in protte romantisearre legindes, krek as bgl. oer de hjir earder yn dit e-book beskreaune Gregorius de Grutte mei de do, oer dizze boete-tocht fan Keizer Hendrik IV. yn omrin rekke.

Hjir yn ús omkriten wie der ek altyd in protte strideraasje oer it beneamen fan geastliken tusken de Biskop fan Útert en dejingen dy ’t it hjir foar ‘t sizzen hienen. Rome en Útert leinen fier fuort. Hjir hienen de ealju it foar ‘t sizzen en oars wol de kleasters sels. Letter nei de Reformaasje, waard dit rjocht fan beneamen fan de dûmnys, troch meastal de ealju as grutste grutgrûnbesitters, fuortset mei somtiden in protte ûnrest ûnder it tsjerkefolk.

BERLTSUM kin hjir oer meiprate.

L. C. 29 -4-1991.

BERLIKUMER moet deel bodemsanering betalen.

(Karel G. Biesma, Hôfsleane húsnûmer 60. )

Wynfaan fan de tsjerke fan Wier

Wynfaan fan'e Menniste tsjerke fan Berltsum

-----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

DÚZELICH

In Berltsumer riid oer de A 40 en wurdt troch in plysjeman oanhâlden.

“Wêrom ride jo 40 km yn’t oere? ” freget de agint.

De frou seit: “Dit is dochs de A 40?” “Ik tocht dat jo hjir mar 40 meie”.

Dan sjocht de plysjeman nei harren man en freget: “Wat sjogge jo der dúzelich út!

“De man reagearret: “Dat is omdat wy krekt fan de A 210 ôfkomme!”

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------