De oargels yn de

menniste tsjerke fan Berltsum

It wie eartiids sa yn Minniste gemeenten, dat hja tsjin it gebrûk fan oargels yn de tsjerke wienen. (Der wienen útsûnderings fansels.) Yn de Reformearre tsjerken hat dit nammers ek in tiid lang sa west op meardere plakken. Hja kamen (fakentiden steande) byinoar yn lytse romten (keamers) mei in foarsjonger en as foargonger gie foar yn de tsjerketsjinst in saneamde leke- of leafdepreker. Alles gie yn alle ienfâld om en ta. Sa moat it hjir yn BERLTSUM ek tagien wêze. Letter is oan de Buorren in saneamde skûltsjerke boud en dus ek sûnder oargel en ferskûle efter it pân Buorren húsnûmer 61 (foarhinne bekend as Hoofdstraat nûmer 147) en de no ôfbrutsene eardere trije huzen oan de Brouwerssteech. It pân stiet hjir no noch mei in boppeferdjipping en mei in protte finsterrúten yn de muorre. Ûnder, op de begeane grûn, siet in timmerwinkel. (Yn it lêstoan sieten hjir de timmerlju Sjoerd J. van der Meij en dêrnei Pyt Smidt.) De nije tsjerke (Fermoanje) oan de Vermaningstrjitte is yn 1841 yn gebrûk nommen.

Oargel Mennistetsjerke Berltsum

De pastorije stie doedestiids yn de Krússtrjitte. Dizze wie yn 1839 oankocht en útwreide mei û. o. in nije koken c. a. Yn datselde jier wie hjir dûmny Sijne van der Goot beroppen. Hy hat nei alle gedachten (of syn frou Elisabeth Jan ’s Koopmans) net yn dit hûs wenje wollen want nei in jier al wenne hy mei syn gesin yn in pân oan de Buorren, no bekend as húsnûmer 25. It hûs hie de namme “It Blaauwe hûs”. Wierskynlik omdat in protte Minnisten it hûs hielendal blau fervje lieten. (Yn it saneamde “Minnisteblau”). Van der Goot hat it hûs yn 1840 kocht ( Hendrik Pieters Smid, keapman te Hurdegaryp wie yn 1832 de eigner fan dit hûs). De lêste bewenners fan dy âlde pastorije yn de Krússtrjitte wienen, as it my noch goed heucht, (Ele Douma troud mei Evertje van der Leij.) Dêrnei yn 1853 wie Gatze Lolke ‘s Boomsma sr. hjir eigner fan Buorren húsnûmer 25 wurden. (boppe yn de muorre steane no noch de inisjalen G. L. B.) Anske Lolke ’s hat hjir efter dit pân in fabrykje hân, wêr ’t baby- en bernemolke produsearre waard mei de namme “Puritas”. Efter dit pân wie ek in djippe en lange ynstekhaven. Hjir hawwe letter yn dit hûs op húsnûmer 25 noch wenne: de gesinnen fan Klaas Cornelis Runia (Klaas Keeses), letter wenjend op Buorren húsnûmer 11, Popke Jan ’s van Dokkumburg (Popke en Beth), letter wenjend op Nijebuorren húsnûmer 21. De Minnertsgeaster húsdokter A. Gramsbergen hâlde hjir by har syn praktyk yn in efterkeammerke en letter wie it, it boadskipshûs foar de Minnertsgeaster dokters. (L. C. 8 –2 -1985). Dat in protte Berltsumers in dokter út omlizzende doarpen hienen, is kommen omdat de Berltsumer dokters Blankstein en de âlde Kwast fan doe mear dokter wienen foar it jild dan foar de minsken sels, sa is my oerlevere. Dan wer letter wennen hjir yn dit hûs in Gerlof Jacob ‘s Tuinenga (Gelf en Feikje), in Dirk Talsma (Durk en Rienkje) en noch wer letter syn soan Reinder Dirk ’s Talsma (Reinder en Akke), no wenjende oan de Ir. C. M. van der Slikkeleane húsnûmer 4/a. It hûs wurdt op dit stuit alhiel wer opkreaze troch de bewenner S. Doldersum. Yn 1700 wenne hjir in Claes Janssen (Cuperus) mr. bierbrouwer en kûpmakker. (* Hy wie op 30- 3-1675 foar it Gerjocht fan Menameradiel boaske mei Aeltie Jans en letter op 4-8- 1679 foar it Gerjocht fan Menameradiel nochris mei in Sijcke Nannes ôfkomstich fan It Bilt. Claes Janssen wie meioprjochter fan minniste gemeente (stiet yn it Proc. boek 241 folio 131 fan january 1681.) Bedoeld wurdt it âlde minniste tsjerkegebou (út 1617) hjir yn BERLTSUM. De pastorije yn de Krússtrjitte is yn 1859 ferkocht oan Jan Haquebart. Jeremias Lammert ‘s Quarree is, om mar in namme te neamen, hjir yn de Fermanje û. o. foarsjonger west tsjin in fergoeding fan fl. 30, - jiers. Ek wienen dat in A. van der Wal en in G. Y. Koop. De lêste foarsjonger wie Gerrit Visser. Yn 1889 is de gemeente dochs noch yn it besit kommen fan in oargeltsje. De foarsjonger Gerrit Visser is doe oargelist wurden. Hy is opfolge troch in dochter fan master Jan H. Groenewold. Gâtze Durk ‘s Kuperus hie dêrfoar soarge dat der in oargel kommen is. De tsjerkerie wie der oer it algemien earst net sa wiis mei en hie it dêr net opstean mei dat “nijmoadrich gedoch”. (** It oargeltsje hat trouwens net lang yn gebrûk west, want yn 1892 al krige de tsjerke fan de widdo fan dokter Theodorus Risselada (dokter Risselada, de widner fan Gesina Wassenaar de dochter fan de Wierster dûmny Reinder Jan ‘s Wassenaar, wie yn twadde boask troud mei de dochter fan de Herfoarme Dûmny M. L. de Boer), dy ‘t op filla “It Berchhôf ” (no it Hemmemaplein húsnûmer 10 A) wenne, in nij oargel kado oanbean. Dit as neitins oan har yn 1891 op 30 augustus ferstoarne man Theodorus Risselada. Hy hat hjir rom 32 jier as húsdokter de praktyk útoefene en is tsjerkeriedslid fan de Minniste gemeente west.


IT HAADWURK

It hjir yn 1916 dêrnei troch oargelbouwer P. van Dam út Ljouwert boude ien klaviers oargel fan ‘e Minniste tsjerke telt de folgjende stimmen: Prestant 8’, Bourdon 16’ , Violon 8 ‘ Holpijp 8’, Aeoline 8’, Octaaf 4’, Octaaf 2’, Flute harmonique 4’, fierders in Tremulant, Ventiel, Mechanische tractuur, Manuaal C-9’’’ en oanhongen pendaal. (Der sitte 434 pipen yn it oargel t. w. 385 fan in legearing fan tin en lead en 39 fan hout.)

Manuaal Oargel Minniste tsjerke

Fuotnoaten:

(in ek oare fûne eatwat wiidweidiger ferzy)

(* Cleas Jansz., kúper, (Cuperus) berne yn 1653 – (as soan fan Jan Klaasz. soan (berne/dpt. 1610/31 - 12-1612 te St. Anne op 7-1-1644 (beide as minnisten foar it Gerjocht) troud mei Ymck Tyercksdr. (1617-1677) dochter fan Tyerck Hylckes en Janti Jacobs, en de widdo fan Jan Gysberts (plm. 1617-1677) út Harns. nei alle gedachten kúper te BERLTSUM), troude op 30 maart 1675 foar it Gerjocht fan MENAMERADIEL mei de 45 jierrige Aeltie Jansdr., de widdo fan Johannes Sybessoan Andringa mei wa’t hja op 11-12-1656 foar it Gerjocht te Ljouwert troud wie, om 1631 hinne berne te Minnertsgea as d. f. Marten en Aaltje Cornelis dr., en ferstoarn (neffens in sark hjir) op 19-9-1678, hja komt te lizzen yn it famyljegrêf te BERLTSUM fan har earste man, de út har earste houlik berne twa soannen binne in Sybe en in Cornelis Johannes Andringa. Sybe Andringa troude mei Trijntje Tymens en hja wennen as boer/eigner op de pleats “De Winkel” op Moaie Peal by WIER en besieten lân te BERLTSUM. Cornelis Johannes, berne yn 1659, is net âld wurden, hy ferstoar op 8-8-1685 en is by syn mem yn it famyljegrêf begroeven. Claes Jansz. troude op 4- 8-1679 foar it Gerjocht fan Menameradiel foar de twadde kear mei Sijke Nannesdr. (1644-1687), de widdo fan Nies Jans fan it Bilt. Yn ditselde jier ferkeapet Claes Jansz. syn yn 1676 oankochte kúperij yn BERLTSUM en keapet in kúperij yn Sint Anne. Út dit twadde houlik waarden fjouwer bern berne t. w. in Jan, in Nanne, in Hylke en in Sijke (Kuperus). Claes Jansz. wie dernei boer wurden te Deinum, wêr ’t hy yn 1700 twa buorkerijen hierde fan Valerius Glinstra (113 pm grut). Hy waard der yn 1710 oansteld as belêstingûntfanger en ek waard hy dêr oan syn dea ta oansteld as Minniste learaar te Blessum. Hy wie foarhinne hjir yn BERLTSUM fan 1681 oant 1689 ek foargonger yn de Minniste gemeente. Claes Jansz. troude op 30-11-1689 foar it Gerjocht fan Menameradiel yn tredde boask mei Sytscke Jans dr. de widdo fan Minne Sjoerds te Deinum. Út dit houlik binne twa bern berne t. w. in Minne (1697-1736) en in Andle (1692-1742 Kuperus). In dochter út it eardere houlik fan Sytske Andeles dr. (1652-1725), syn tredde frou, is letter troud mei har stypbroer Nanne Klases Kuperus. Claes Jansz is yn 1732 te Deinum stoarn. Nanne Clases Kuperus (1682-1687), de soan út syn twadde houlik, naam de hier fan dizze pleatsen letter oer fan syn heit en sette as ienichste de sibbe fuort. De neikommelingen fan Claas Jansz. namen de sibbenamme Kuperus (Cuperus) oan. De Andringa ’s en Kuperus sibbe (Cuperus) wienen Minnist. It stamboekfee fan feefokker Nanne Kuperus út Deinum is letter wrâldferneamd wurden.

Yn it gemeente argyf fan Harns wurdt Jan Gysberts, mooglik yn 1617 doopt te Harns en troud mei Ymck Tiercx, ek neamd as de mei oprjochter fan de Minniste gemeente yn BERLTSUM en neamd as de heit fan Claes Jansen Cuperus, kúper te BERLTSUM.

Yn 1646 (RA MEN 117 63) wurdt op fersyk fan de krediteuren de ynboel beskreaun t. h. f. Tierck Hylckes en Jantsen (Janti) Jacobs te BERLTSUM, de op 5-4-1614 foar it gerjocht fan Menameradiel troude heit en mem fan boppeneamde Ymck Tiercks, dy’t ferstoar ein 1691. Ûnder de besittingen treffe wy û. o. twa “schippen mett zeyll en treyll” oan mei dêrneist, as ferwachtte, in hiele list fan krediteuren.

Andle Klazes Kuperus (1692-1742) wie letter troud mei in Antie Scheltes. Doe’t Antie Scheltes yn 1755 te Deinum kaam te ferstjerren waard yn de ynboel in sulveren drinkbeker oantroffen mei dêryn de inisjalen C. J. K. C. (Claas) J. (Jans) K. (Kuperus) en in wapen. Dit wie net brûklik ûnder de Minnisten want wapens waarden troch harren net oanbrocht.

(** Út in blomlêzing út de notulen (1848-1897) fan de tsjerkerie fan ‘e Herfoarme gemeente fan Marrum-Westernijtsjerk, gearsteld troch Andrys Dykstra (oan my besibbe) is ek it folgjende te lêzen oer it “nijmoardrich gedoch”: In 1820 – Als nieuwe ouderling te Marrum werd met eenparigheid van stemmen Klaas Klaases Osinga (oarspronklik ôfkomstich fan BERLTSUM) benoemd EN DIE LIET VAN ZICH HOREN! Tijdens de eerste vergadering, we schrijven 9-3-1855, bracht hij bij de rondvraag het volgende te berde: “Dat er bij de bediening van het Heilig Avondmaal gezongen wordende, HET ORGEL ZOUDE ZWIJGEN en alsdan het zingen door den voorzanger zoude worden bestuurd.” JA, ZO’N ORGEL, in 1831 door freule Callot d’Escury en de floreenplichtigen aan de Kerkvoogdij geschonken, bleef toch EEN NIEUWERWETS GEDOE en daar waren de anderen het wel een beetje mee eens. Echter men ‘oordeelde raadzaam’ om eerst een proef te doen en pas ‘bij het welgevallen van deselven’ een definitief besluit te nemen. Aldus geschiedde. Tijdens het eerstvolgende Heilig Avondmaal zweeg het orgel. Op de vergadering in augustus 1851 bleek dat de proef zeer geslaagd was en derhalve zou in het vervolg bij de Avondmaalsbediening worden voorgezongen ZONDER gebruikmaking van het orgel.

Syn soan Klaas Klaases Osinga, eigenierde boer op Sybada State oan de Hege Hearewei te Marrum, wied berne op 16-4-1803 te BERLTSUM as soan fan Klaas Klaases Osinga (in broer fan Gerlof Klaases Osinga fan BERLTSUM) en Froukje Eelkes van der Meer en hy wie op 31-5-1827 troud mei Rinske Douwes Bosch, berne te Westernijtsjerk op 6-11-1806. Klaas is stoarn te Marrum op 17-11-1877.

(Nei in soan Douwe Klazes Osinga (1831-1888) is nei alle gedachten dêr de Ozingaloane neamd.)


DE EARSTE OARGELS

It is dúdlik dat de earste oargels gjin (* liturgyske funksje hienen. It wienen gewoane “wrâldske ynstruminten”. Bekend is in oargel út it jier 228 mei fjouwer registers fan elk 13 toanen. Omdat it oargel fan oarsprong in “wrâldsk ynstrumint” wie, stienen de earste tsjerkfaars, sûnder útsûndering, ôfwizend t. o. it gebrûk hjirfan yn ‘e earetsjinst. Moai sjongen fûn úteraard wol ynstemming. Earst yn ‘e 14e ieu ferskynt it oargel as ynstrumint yn ‘e Kristlike tsjerken. Maarten Luther (1483-1546) soe seker in bewûnderer west hawwe: hy beskôge muzyk as in Godsgeskink, nei Gods Wurd, de grutste skat op ierde. Hy romme yn ‘e earetsjinst in protte romte yn foar muzyk mar ek foar it oargel. Calvijn (1509-1564) socht it mear yn songen Bibel-wurden dy’t hy yn ‘e Psalmen fûn en dy’t no noch songen wurde. Yn syn tiid sûnder oargel. Yn ‘e rin fan ‘e jierren binne skitterjende oargels boud yn Jeropa en úteraard ek yn Nederlân. It is lykwols oan de stedsbestjoerders te tankjen west, dat oargels klinke koenen. De Synoade fan Dordrecht (1578) spriek harren noch tsjin it oargel út. Mar de stedsbestjoerders hienen it sizzenskip oer de ynstruminten én oer de bespilers dêrfan. Dy behearren yn dy tiid ta it wrâldske domein. Dêrtroch binne oargels yn ‘e tsjerken bleaun en yn in protte stêden waard der op wurkdagen fakentiden in oargeljen holden. Úteinliks waarden dy ek troch de tsjerklike oerheden stipe, mei as gefolch dat sa njonkenlytsen ek foar en nei de tsjerketsjinsten oargelspul klonk. Earst yn ‘e 17de ieu is it oargel sa stadichoan ek tsjinjen gien as ynstrumint foar de begelieding fan ‘e gemeentesang. It âlste yn 1457 boude tsjerkeoargel fan Noard-West Jeropa stiet yn it East-Fryske doarp Rysum yn Dútslân en beheart ta de âldste bespylbere oargels fan ‘e wrâld. It oargel is skildere yn it saneamde midsieuske blau. (* Dit is bgl. yn de Russysk Orth. tsjerke no noch sa.)


*****************************************

Op in oar plak fyn ik in Ymck Tjercks, stoarn foar 1692, dochter fan Tjerck Hylckes, dy ‘t op 5- 4 -1624 (foar it Gerjocht) te Menaam boaske wie mei Jantje Jacobs. Ymck Tjercks (ek wol Eebel of Ynsck Tiercks) troude mei in Jan Gysberts (Cuperus), berne te Sint Anne om 1625 hinne, de soan fan wierskynlik Gysberts Jan ‘s Kuiper, (kûper) te BERLTSUM, stoarn foar 1677. Om 1687 hinne wie hjir ek in Gysbert Idses, op 9-6-1687 troud mei in Welmoed Haentjes fan Menaam, as mr. kûper wurksum yn BERLTSUM..


In pakesizzer fan boppeneamde mr. Kúper Claas Janssen (Cuperus) t. w. Joannis Minne Claases Cuperus, berne te BERLTSUM op 10-3-1725, (syn âlders wennen te Deinum op it Deinumer Nijlân) wie letter Minniste dûmny wurden. Hy wie seis jier, doe ’t hy wees wurden wie, en learde Hebriuwsk, Gryksk en it Latynsk fan ‘e Herfoarme dûmny fan Deinum, gie letter nei de Frjentsjerter universiteit en yn 1752 nei de Doopsgesinde Kweekskoalle (it tsjintwurdige Doopsgesinde Semenaarje) te Amsterdam. Hy waard yn 1752 proponent en gie foar in koarte tiid nei Den Hoorn op Tessel en nimt yn 1758 it berop oan nei Vlissingen. Hy troude op 16-7-1754 mei Maria Tak, de te Vissingen berne dochter fan Tobias Tak en Elisabeth Standaert. Yn 1758 giet hy nei Útert wer’t hy ferstoar op 17-4-1777. In portret fan him is no noch te sjen yn Minniste tsjerke oan de Oudegracht te Útert. In protte Berltsumer Kuperussen (no dus mei in K skreaun) behearre no ek noch ta de Minniste tsjerke fan BERLTSUM.

In soan fan dûmny Joannes Minnes Cuperus, t. w. Tobias, neamt him Tak Cuperus. Hy is berne te Vlissingen op 30-12-1756, doopt te Útert (yn ‘e Menno tsjerke) en is letter marine-offisier, kaptein V. O. C. û. o. op it skip “de jufrou Johanna”. Hy is yn novimber stoarn te Batavia. Hy wurdt ek as held neamd yn ‘e saneamde “Marmelieten oarloch” (einliks wie it ynsedint) In marmeliet is in kôktsjettel of fleistsjettel. Tobias holde op 8-10-1784 as luitenant ter see en kommandant fan ‘e kotter fan ‘e Steat (de Republyk fan ‘e Sân feriene Nederlannen) it skip de ‘Louis’ (dy ’t ûnder de Keizerlike flagge fan Eastenryk farre) oan neffens in syn wilens ferâldere oarder. De kaptein fan ‘e Louis liet him net tsjinhâlde, hy woe de Schelde opfarre nei Antwerpen ta. Cuperus jout nei in sjitten foar de boech, it skip de folle laach; wêrop de ‘Louis’ bydraaide. Doe moat de kôk of fleis tsjettel rekke wêze, fandêr de namme “tsjettel-oarloch”. (“keteloorlog”) Hoewol ‘t it gehiel noch wol politike konsternaasje joech, kaam alles úteinliks noch goed; doch Nederlân balansearre doe wol efkes op ‘e râne fan in oarloch mei Eastenryk. De Súdelike of Eastenrykse Nederlannen, no België neamd, waarden doe bestjoerd troch de Eastenrykse takke fan it Hûs Habsburg. Yn 1788 wurdt Tobias Tak Cuperus troch de V. O. C. Seelân beneamd ta kaptein fan ‘e “Juffrouw Johanna.” (687 ton) Út in alliânsje mei in oant no ta ûnbekende frou is in soantsje berne mei de namme Johannes Cuperus. Dizze waard, plm. 8 wiken âld, op 2-4-1789 te fûnling lein op ‘e Amsterdamske Prinsengrêft op ‘e stoepe fan de hear Weijlandt, dat wie de moarns om healwei njoggenen hinne. It bern waard dernei ynskreaun en opnommen yn it Aalmoezeniers-weeshûs. De mem hie in briefke efterlitten mei op de iene side skreaun: dope troch domenie Mentes 14 januarij 1789 en op ‘e oare side: de Juffrou Johanna, Captijn Cuperus. Tobias is útfarren fan it fort Rammekens op 1-3-1789 en komt op 16-11-1789 yn Batavia oan. Hy is te Batavia stoarn yn novimber 1790. Tobias hie dus net syn ferantwurdlikens nommen, hat dizze frou mei it bern efterlitten en wie stil wei wurden. Johannes Cuperus is letter wever te Noardwâlde (Fryslân) en troude op 18-10-1815 te Noardwâlde mei de Jantien Alts (ek wol neamd Johanna Leemstra of Jantje Leemburg) berne/dope te Noardwâlde op 19-3-1788 / 15-2 -1789, de natuerlike dochter fan Meintien Alts (ek wol neamd Meintje Alten Leemburg) Syn net bekende mem hat net foar him soargje kinnen of woe nei alle gedachten foar dy skande net oansjoen wurde.

Sjoch: Johannes Cuperus stamvader van een Friese schippersfamilie fan Dirk Frederik Kuperus. De afkomst van de Amsterdamse vondeling Johannes Cuperus. Fgl. Jierboek Centraal Bureau foar Genealogie, diel 48 (1994) side 270. Het orizjinele artikel is te finen yn Gens Nostra, febr. 2005, de siden 83-88. Wat opfâlt is dat Tobias, hoewol Minnist, de wapens wist te hantearjen. Eat wêr ’t Minnisten neat fan hawwe moasten. Hja wegeren militêre tsjinsten.


Yn 1617 wurdt in Jan Gysberts doopt, medeoprichter van de Doopsgezinde Gemeente te BERLIKUM. Ek út dizze sibbe? MEN. 136 171.


It Minniste pastorijehûs yn de Krússtrjitte is letter slope en bestiet dus no net mear. Ele en Evertsje Douma, earder fan ‘e Skythúsbuorren, hawwe hjir as ien fan de lêsten ek noch yn dy âlde pastorije wenne. Letter wennen hja yn de Bûterhoeke.


DE BERTEDATUM FAN ANTJE

Op snein 10-2-1817 troude Antje Minnes Braaksma mei Sikke Thomasz. Dijkstra, berne te Bitgum op 11-12-1793, en doopt op 12-1-1794 te Bitgum. Hij is gernier te Bitgum. It wie in reinige dei, mei temperatueren om de 15 graden hinne. Antje Minnes, aldus in fûne akte, wie fan Doopsgesinde religy, mar wie net doopt yn har jeugd. Wêrtroch gjin akte oanwêzich wie werút har âlderdom feststeld wurde koe. En dêr melden harren op 2-8-1817 de folgjende persoanen oan by de Boargerlike Stân: heit Minne Ruurds Braaksma, Ruurd Minnes Braaksma (broer fan ‘e oansteande breid), Obbe Thomas Westra (goede freon en fjildwachter), Wybe Herres Dokkers (moat wêze: van Dokkumburg, goede freon) Henne Dirks Tiestra (goede freon) en Adam Roekes Roepsma (moat wêze: Romkes Roepsma, goede freon), en allegearre ferklearje hja dat Antje Minnes berne is te BERLTSUM, “den 28sten maart 1795, voor reden en wetenschap gevende dat zij haar jeugd hebben gekend”. En dat wie dan dat. Antje Minnes wie berne te BERLTSUM, op 28-3-1795 en wie dus 22 jier âld doe’t hja mei Sikkes Thomasz. troude. Sikke Thomas is te BERLTSUM stoarn op 17-5-1838 om 22.00 oere yn in hûs nûmmere 54. Hy is mar 44 jier wurden. Yn de akte kinne wy sjen dat syn frou Antje Minnes ynlânske kreamerske fan berop wie. Dat betsjutte dat hja mei keapwaar de doarren lâns gie.

L. C. 1-2-1859.


L. C. 14-9-1887

Een groot aantal ingezetenen van BERLIKUM gevoelen zich gedrongen hunnen opregten en wel gemeenden dank te betuigen aan den Heer Th. Risselada en ECHTGENOOT, Arts aldaar, voor de gulle en ongeëvenaarde feestvreugde, hen en hunne echtgenooten bereid, ter gelegenheid van hunne 25-jarige huwelijksvereeniging, waardoor de dag van den 8 September voor hen onvergetelijk zal blijven.

BERLIKUM, September 1887

DE FEESTVRIENDEN



BERLIKUM, 27-1-1859.

Heden avond overleed, tot diepe droefheid van mij en van hare ouders en verdere betrekkingen, mijne geliefde Echtgenoote GESINA CORNELIA WASSENAAR. Zij bereikte den ouderdom van 33 jaren en tien maanden, van welke ik ongeveer 10 jaren met haar in een gelukkigen echt mogt vereenigd zijn. Twee kinderen, nog te jong om hun verlies te beseffen, zijn mij uit dezen echt overgebleven. De Heer doe mij deze zware slag met christelijke gelatenheid dragen.

Eenige kennisgeving.

T.(heodorus) Risselada.

(De Berltsumer húsdokter.)


L. C. 1-9-1891.

BERLIKUM, 30 Augustus.

Groot was de ontsteltenis toen zich heden middag de mare door het dorp verspreidde, dat onze algemeen geachte en beminde geneesheer, de heer Theodorus Risselada, aan eene ongesteldheid van slechts weinige dagen, in den ouderdom van 67 jaren was overleden. Ruim 33 jaar was hij hier nuttig werkzaam en hoewel in den laatsten tijd een bekwaam en kundig arts zich hier had gevestigd zoo bleef toch de overgrote meerderheid der ingezetenen steeds zijne hooggewaar-deerde hulp inroepen. Ook in onderscheidene nuttige instellingen was hij hier ijverig werkzaam en met zijne kennisse en ervaring niet alleen als geneesheer, maar ook in de dingen van het maatschappelijke stond hij velen ten dienste met raad en daad. De kleine Doopsgezinde gemeen- te verliest in hem een ijverig voorstander en uit meer dan een mond hoorde men in de laatste dagen den oprechten wensch, dat hij nog vele jaren in ons midden mocht blijven. Hij ruste in vrede!

Oargel Minniste tsjerke. (www.orgelsite.nl)

L. C. 8-2-1985.

ARTSEN MINNERTSGA SCHENKEN WANDBORD. (foto.)

Bejaarde (87) stopt na een halve eeuw met It Boadskiphûs.

BERLIKUM - De 87 jarige mevrouw Elisabeth van Dokkumburg – Vellinga in BERLIKUM heeft gisteren een punt gezet achter “It Boadskipshûs”, dat zij nu 50 jaar lang in beheer heeft gehad. Vanaf 1935 verzorgde zij vanuit haar woning voor de distributie van medicamenten en recepten onder de patiënten in BERLIKUM, die onder behandeling waren bij de huisarts in Minnertsga. Drie van de vier artsen voor wie ze in touw was, de voormalige practijkhouders Lucas Morsink en Jan Hibma en de huidige arts dr. Nanne Postema, toonden gisterochtend hun erkentelijkheid met een onverwacht bezoekje. Mevrouw van Dokkumburg - Vellinga kreeg bij deze feestelijke gelegenheid een speciaal gemaakt wandbord van Makkumer aardewerk. “Dit komt my goed oer ‘t mad,” was de verbaasde reactie van de jubilaresse. Het kostbare bord is voorzien van het opschrift “Boadskipshûs fan BERLTSUM” en “E. van Dokkumburg - Vellinga” met de datum 7 februari, terwijl in het midden een aesculaap van apotheekhoudende huisartsen tussen de jaartallen 1935 en 1985 is geklemd. Op de achterkant staan de namen van de 4 artsen, ook die van de arts die de aanzet gaf tot het boadskiphûs in 1935, de heer A. Gramsbergen, die inmiddels is overleden. “It is fierstente mâl, ik ha der gjin wurden foar”, zei een verraste mevrouw van Dokkumburg. In BERLIKUM zijn enige honderden patiënten die hun medicijnen van hun huisarts in Minnertsga ontvangen. It “Boadskiphûs” zorgt ervoor dat dit tijdig en correct gebeurt. Waarschijnlijk heeft de Berlikumer bevolking het bestaan van het distrbutie adres te danken aan het doorzettings vermogen van Elisabeth van Dokkumburg en haar man Popke (“Popke & Beth” letter wenjende oan de Nijebuorren húsnûmer 21) die reeds is overleden. De eerste 3 maanden in 1935 kwam er helemaal niemand over de vloer. “Dokter Gramsbergen woe de boel al slúte, mar myn man sei “nee” en wy hawwe trochpakt. Doe ‘t de earste befalling oan ‘e kant wie, wie it klear, herinnert mevrouw van Dokkumburg zich.

Nei dr. N.(anne) M. Postema (berne op 23-12-1940) is dokter P. A. Buytendijk (berne op 20 -1-1954) te Minnertsgea yn it doktershûs oan de Meinardswei húsnûmer 4 kommen te wenjen mei syn frou T. G. Beers en trije bern. Arie en Rigtsje Posthumus – Bruinsma fan ‘e Hôfsleane húsnûmer 61 fungearje no foar him as boadskiphûs.


------------------------------------------------------


Yn de LJOUWERTER Krante fan 15- 8-1892 waard in advertinsje set as folgjend:

De leden der Doopsgezinde gemeente te BERLIKUM wenschen door deze openlijk dank te zeggen voor het Nieuwe Orgel aan de gemeente geschonken door mevrouw de Wed. Risselada. Tevens wenschen zij een woord van dank te richten tot den heer L. M. de Boer, predikant te Britswerd (& Wiuwert) voor ‘t geen hij gesproken heeft bij de ingebruikstelling van het orgel, en tot den heer H. Groenewold, onderwijzer te Rotterdam, voor de verdienstelijke wijze, waarop hij bij deze gelegenheid het orgel heeft bespeeld.

BERLIKUM, den 12 Augustus 1892.

Namens de (Doopsgezinde) gemeente, Minne Douwe ’s de Geele, D.(ouwe) M.(inne) Braaksma, G.(errit) Buisman (bakker te Bitgum) en Ruurd S.(ytzes) Braaksma.


Inisjatyfnimmer earder om in oargel oan te skaffen wie Gâtse Dirks Kuperus, mar al koart dêrnei waard it oargeltsje ferfongen troch in harmonium wat skonken waard troch de widdo fan dokter Risselade as neitins oan harren man. Op 8-10-1916 waard it hjoeddeiske oargel yn gebrûk nommen. (G. D. Kuperus syn heit wie der lykwols earst net sa mei ynnommen.)


(De sprekker Lambertus Martinus de Boer wie in soan fan de Berltsumer Herfoarme dûmny Martinus Lambertus de Boer (oanhinger fan de liberale, doe saneamde: “Grinzer Evangelyske rjochting) Hy wie berne te Minnertsgea op 4-11-1840 en hat in protte bydragen skreaun yn de Landbouw Courant, almanakken en oare blêden en H.(endrik) Groenewold wie de soan fan it haad fan de iepenbiere skoalle en de koster/oargelist fan de Herfoarme tsjerke hjir, master Jan Hendrik ‘s Groenewold.) (In foto fan dûmny L. M. de Boer stiet yn De Vrije Fries no 79 (1999)


IT VAN DAM – OARGEL.

Yn 1916 is in (* Van Dam-oargel oanskaft en dat stiet der no noch. It is op 8 oktober 1916 “ynwijd” troch de hear H. van Belkum, (** oargelist fan ‘e minniste tsjerke te Ljouwert. It oargel hat in oanhongen pedaal. De disposysje is: Prestant 8 ft. Bourdon 16 ft. Violon 8 ft. Aeoline 8 ft. (dizze 2 yn it grut oktaaf kombinearre) Holpiip 8 ft. Octaaf 4 ft. Octaaf 2 ft. Flûte harmonique 4 ft Tremulant, Fentiel, Manuaal C-9, aangehangen Pedaal C-9. Tsjintwurdich steane sawol de tsjerke as it oargel ûnder tafersjoch fan Monumintensoarch.

fuotnoaten:

(* Op it metalen nammeplaatsje stiet: P. van Dam. Firma L. van Dam & Zonen. Kerkorgelfabriek, Grachtswal U 157, Leeuwarden Opgericht 1779.

(** In soan fan H. van Belkum, de oargelist fan de Minniste tsjerke fan Ljouwert?


In berjocht oer de yngebrûkname fan dit oargel is werom te finen yn it tydskrift “Het Orgel” en wurdt hjirnei as bylage werjûn:

Aan de binnenkant van het orgel is te lezen, dat het orgel in september 1916 werd geschilderd door J. de Vries en D.(irk) Visser (lêstneamde is de soan fan de op 12-11-1905 ferstoarne loazjeminthâlder Gerrit Dirks Visser, doe widner fan Akke Gerrits Koopmans (st. yn 1901), in âld-omke en âld-muoike fan myn beppe Alida Fokma dy ’t hjir wer in pear jier letter yn 1907 as tsjinstfamke yn BERLTSUM kommen is by dochter Klaaske G. Visser). Deze vermelding komt twee maal voor, eenmaal op de deur aan de pompkant, en eenmaal op de zijkant aan de klaviatuurzijde. Alle werkzaamheden aan het orgel, die in de loop van de tijd werden uitgevoerd, zijn aan de binnenkant van de kas aangetekend. In 1944 werd een restauratie uitgevoerd door de Fa. Vaas en Bron te Leeuwarden. In de jaren zestig was het orgel in onderhoud bij A. Meinen te Bolsward. Vanaf 1972 was het orgel in onderhoud bij Will Boegem te Amstelveen. In 1972 maakte deze orgelmaker het pijpwerk schoon. In 1973 voerde hij een schoonmaak van de onderbouw uit. Vanaf 1976 is het orgel in onderhoud bij de Fa. Bakker & Timmenga te Leeuwarden. (It orgel hat 9 registers en 424 pipen)


OARGELISTEN yn de Doopsgezinde tsjerke fan BERLTSUM hawwe û. o. west:

Gerrit Visser, mej. Albertje Groenewold, de dochter fan master Jan Hendrik ’s Groenewold, Gatze Lolke ’s Boomsma, Jan Gatse ’s Kuperus (*, Jan Pieter ’s Braaksma, in pakesizzer fan master J. H. Groenewold, Douwe Minne ’s de Geele, Wymer Sjoerd ’s Peterzon, Jan Bos, Tjeerd Sjoerd ’s Lautenbach, Dirk Bernard ’s Posthumus, Frans Jan ’s Zwart, Feike Jacob ’s van Tuinen, Durk Jouke ‘s de Vries, Dirk Norbruis, Bernard Dirk ’s Posthumus en no Tjeerd Lont.

(* LEEUWARDER NIEUWSBLAD 2-7-1940

Op 30-6-1940 werd onder leiding van ds. E. H. Boer afscheid genomen van den heer J. G. Kuperus, die na een diensttijd van precies 35 jaren zijn functie neerlegde en hedenmorgen de gemeentezang voor het laatst op het orgel begeleidde. Ds. Boer hield bij deze gelegenheid een predikatie naar aanleiding van Psalm 150 etc. ....... .......


OARGELBEGELIEDING.

Nei de REFORMAASJE wie der in fûle striid fierd, oer de fraach of it oargelgebrûk wol paste binnen de Protestantske tsjerketsjinst. De Synoade fan Doardtrecht fan 1578 ferbea it oargel-spyljen ûnder de tsjinst. It leafst woe men de oargels, as restant fan de Roomske tiid, ôfbrekke. De gemeentesang û. l. f. in foarsjonger hie de foarkar. Yn 1638 joech de Synoade fan Delft de gemeenten de frijheid om sels te bepalen of it oargel de gemeentesang begeliede mocht. Sa waard de wei frijmakke foar oargelbegelieding yn hast alle tsjerketsjinsten. Oarspronklik wienen de oargels bedoeld foar folksfermaak. (en om der by te dûnsjen.)

Der is no noch in sjongtradysje fan psalmsjongen mei boppestim wat erkend wurdt as immatearjeel erfguod. Psalmsjongen mei boppestim wurdt foaralbeoefene yn Genemuiden, wêr ’t it mooglik ûntstien is, mar bgl. ek yn Staphorst en Urk. Manlike sjongers sjonge in tsjinstim by it psalmsjongen fan ‘e gemeente. It stamt út de tiid dat der noch gjin oargels wienen. It psalmsjongen mei boppestim stiet as earste Protestânske tradysje op de Nationale Inventaris Imma- terieel Cultureel Erfgoed in Nederland.


OER IT SJONGEN.

Wat fûn in man as Kalvijn (1509-1564) hjirfan? Hy liet koarmuzyk en it oargelspyljen ûnder de tsjerketsjinst net ta. Hy fûn it sjongjend ferkundigjen like wichtich as de preek. Hy is de inisjator fan de Genêfske Psalter. Nederlânske Synoaden yn de 16e ieu stelden it troch Petrus Datheen oersette Genêfske Psalter (1566) ferplicht foar it liturgysk gebrûk en sa hat it in plak krigen yn ús lân. Yn de 18e en de 19e ieu ferskinden nije berimings: yn 1773 de Steatenberiming en hast twa ieuwen letter de dichterspsalterberiming 1967 dat in plak yn it Lieteboek foar de Tsjerken krigen hat. De Godlike neite brocht him derta om in ûnderskie te meitsjen tusken liturgyske en net liturgyske, of geastlike en wrâldske muzyk. De útdrukking “poids en majesté” of wol “plechtich en yn leech tempo”, brûkte Kalvijn om oan te jaan wat hy akseptabel achtte yn de earetsjinst. Kalvijn ’s útgongspunt is dat de earetsjinst plak fynt foar Gods antlit en syn ingels. Kalvijn syn foarkar foar de Psalmen is sprekwurdlik wurden. Foar Kalvijn tsjinnet ynstrumintale muzyk foar ûnderhâlding en fernoeging, muzyk is net needsaaklik, mar ek net oerstallich of sels te feroardieljen. It primaat leit by de minsklike stim. Behalve it argumint, dat ynstruminten part útmakken fan de earetsjinst yn it Âlde Testamint wiist hy op Paulus dy ’t ferbiedt om yn in iepenbiere earetsjinst oars dan yn in bekende taal te tankjen. (1 Kor. 14: 16) Foar Kalvijn behearde ynstrumentale muzyk, krekt as tongentaal, mar ek mearstimmige muzyk ta datjinge wat net fersteanber is en dus net tsjinnet ta opbou fan de gemeente. De minslike stim waard sjoen as it meast natuerlike ynstrumint en de ynstrumintale muzyk is dêrneist dus sekundêr. Om dizze reden siket men om ‘e nocht nei muzykynstruminten yn de liturgy fan it East-Ortodokse type. Ek foar de Reformaasje wie ynstrumentale muzyk net brûklik yn de earetsjinst. It oargel waard allinne bespile by in wichtich barren en klonk solistysk of yn ôfwikseling mei koar. Doe ’t it Psalter yn 1562 foltôge wie, waarden alle 150 Psalmen yn Genêve twaris yn ’t jier songen, verparte oer trije tsjinsten yn de wike: twa op snein en ien op woansdei. Dit kaam op likernôch 30 strofen per tsjerketsjinst del. De grutte bestjutting fan de tsjerkesang blykt net allinne út dit part fan de Psalmen yn de liturgy, mar ek út it feit dat yn Genêve de proseduere foar it oanstellen fan kantors deselde wie as dy foar dûmny ’s. De Psalmen waarden sjoen as troch de Geast fan God ynjûne wurden, it Godlik wurdt, en dêrom waarden Gesangen net yn it foarste plak beskôge as ferkundigjen fan it Godlik wurdt. Hjir hat in protte heibel om west yn de tsjerke, ek yn dy fan BERLTSUM. Dirk Jan’s Wassenaar (“Durk Lapke” of ek wol neamd “de dûmny fan Peins”) hie it sels oer “hoerelieten”, dy ’t songen waarden. Hjir wurde no, neist it Lieteboek foar de Tsjerken en de Evangelyske Lietebondel, ek ferskate lieten út oare lietebondels songen. Yn in protte streng Kalvinistyske tsjerken wurde no ek noch net Gesangen songen ûnder de tsjerketsjinsten.

Berltsumers stienen yn it ferline by in protte foargongers fan bûten BERLTSUM foaral bekend as sjongers mei fjoer en faasje.


L. C. 20-10-1865.

Door het Provinciaal Kerkbestuur van Friesland is gisteren, na afgelegd examen, tot de evangelie bediening in de Nederduitse Hervormde Kerk toegelaten de heer L. M. de Boer te BERLIKUM.

(De soan fan ds. M. L. de Boer. Sa is ek Matth. L. Risselada, krekt as syn heit, letter húsdokter wurden. Sa heit, sa soan.)


L. C. 16-10-1915.

Kerk en School, Benoemingen enz.

Benoemd tot hoofd der Openbare school te Velsen, de heer J. G. Groenewold, geboren te BERLIKUM, thans hoofd der school te Wormer.