MARI JANS KWICKEN (KUIJCKEN, CUYCK). (berne te BERLTSUM yn 1536 - st. te Sint Anne yn 1609)
d. f. Jan Gerrits Kwicken (1500- ??) en Connegondt Corstiaensdr. (1505- ??) is in foarbeppe fan de Wierster Jan Alberts Monnickhuis, de Berltsumer Wassenaars. (Symon Jans Wassenaar, Gysbert Jans Wassenaar, Pieter Jans Wassenaar) ensafuorthinne. Mari Jans Kwicken har broer t. w. Dirck Jans Kwicken (Kuycken), berne yn 1578 of 1579, wie in tige begoedige boer yn Sint Anne. Hy pachtte dêr 30 ha lân en hie inkelde boerefeinten en fammen yn tsjinst, foaral seizoenarbeiders. Hy is de skriuwer fan ien fan de âldste egodokuminten. Sjoch ek by de boekhâlding, It rekkenboek 1569-1573 û. o. de siden 11, 12 en 1030) fan Rienck van Hemmema yn dit e-book, dy’t ek skriuwde, krekt as Dirck Jans Kwicken, oer syn eigen tiid.
“KNEPPELFREED”. (Sjoch by Fedde Schurer yn dit e-book.)
Oer twang sprutsen. Sa waard prof. dr. Eelco H. Runia, universitêr dosint skiednis oan de Ryks Universiteit te Grins yn 2017 û. o. twongen om de kolleezjes yn it Ingelsk te hâlden. Elts fan de studinten wie Nederlânsktalich, mar it moast dochs. Dit wie ek in absurde situaasje.
BERLTSUMER ÔFSKIEDENEN DY’T DESTIIDS SNEINS, OANT 28-8-1892 TA, TWARIS DEIS NEI BITGUM RÛNEN OM DÊR DE TROCH DE ÔFSKIEDENEN YN 1842 STIFTTE TSJERKE OAN DE BERLTSUMERDYK TE BESYKJEN.
Âlde Douwe Gerrits Wiersma hat my wolris ferteld dat hy se, as boike, sneins wol oer de Bitgumerdyk nei Bitgum rûnen seach. Sa mar in pear nammen. It wienen de gesinnen / persoanen: Gerrit Pieters Haqcuebart, Homme Bokkes Algra, Minne Sikkes Posthumus, Arjen Joukes Schat, Jan Jans Monsma, Cornelis Annes Hoekstra, Heerke Annes Hoekstra, Heerke Jans Hoekstra, Marten Jans Hoekstra, Ritske Ritske Rinses Koolstra, Feike Annes Vogel, Willem Popkes van der Graaf, Fedde Popkes de Graaf, Johannes Feddes de Graaf, Jan Oepkes Sangers, Thomas Jans Kuipers, Jacob Thomas Kuipers, Gerrit Thomas Kuipers, Frans Thomas Kuipers, Thijs Sjerps Iedema, Jan Foppes Smits, Hijltje Foppes Smits, Taeke Lieuwes Looijenga, Lieuwe Teakes Looijenga, Klaas Dirks Terpstra, Sjoerd Ypes Groenhout, Lolke Tjeerds Boomsma, Jan Lolkes Boomsma, Wybe Jans Boomsma, Piebe Jans Boomsma, Pieter Djoerds Damsma, Tjepke Jitzes Mulder, Cornelis Jans de Groot, Gerrit Pieters Haquebart, Ebbing Klazes Lautenbach, Hans Jans Veldstra, Jan Popkes Visser, Popke Jans Visser, Jan Arjens Bosma, Gysbert Arjens Bosma, Yme Dirks Reitsma, Thys Sjerps Iedema, Jitse Yges Mulder, Yge Jitses Mulder, de eardere Berltsumer skoalmaster (h.d.s.) Geert Broekstra, (h.d.s.) Klaas Kremer, Nammen van Dijk, Douwe Gerbens Peterzon, Sikke Minnes Posthumus, Wybren Sydses Reitsma, Sjouke Klazes Meijer, Pieter Douwes van der Schaaf, Hermanus Vonk, Pier Tammes van der Let, Dirk Willems Reinouts, Sije Kornelis Hoekstra, Simon Wiltjes Pars, Dirk Reinolts, Beerent Hendriks Boersma, Lipke Krijns bij de Leij, Ynze Pieters Tichelaar, Pieter Damstra, Thee Smit, Auke Wopkes Miedema. Andele Pieters Kuperus (oarspr. ôfk. fan Ingelum.) Kornelis Hager (yn 1885 emigrearre nei New Jersey (de V. S.)) (Sjoch ek by Abraham Kuyper yn dit e-book.)
Op 28-8-1892, nei de lanlike feriening fan de Dolearjenden mei de Ôfskiedenen, binne direkt al sa ’n 40 ôfskieden Berltsumer gesinnen fan Bitgum nei de dolearjende tsjerke fan BERLTSUM oergien. Dy feriening fan dizze beide groepen gie lykwols net oeral alike flot. Yn bgl. Sint Anne blyk dit in brêge te fier. It hat hjir earst nochal wat fuotten yn de ierde hân om byinoar te kommen. Dit barde pas yn 1924. Foaral de identiteit en de gebouwenkwestje hat dêrby in grutte rol spile.
DE PLEATS “MOLENSCHOT” ûnder Sint Jabik by BERLTSUM / WIER.
Steven Willems, wenne te Sassenheim om 1474 hinne en is stoarn yn 1495 op Molenschot ûnder Sint Jabik (lizzende yn de Jacob van Wijngaarden kavel ûnder Sint Jabik). Yn 1748 wie in Jannigje Cornelis Wassenaar boerinne op Molenschot. Mei har twa soannen Reinder en Beert (Kuiken) en dochter Amarens keapet hja yn 1752 de pleats oan de westkant fan de Kouweweg.
(Folle letter wie hjir, foar safier ik wit, û. o. ek Klaas Jans Rienks, tr. m. Trijntje Hoitsma, boer op Molenschot.)
In Anna Sophia van Gramsbergen (1671-1742) wie yn Ljouwert yn hôfkringen opwûksen. Har beppe wie hôfdame en har heit Willem Lodewijk wie in peetbern fan de Fryske steedhâlder Willem Lodewijk. Nei de dea fan har earste man troude Anna Sophia yn 1698 opnij op houliksbetingsten mei de folle jongere kaptein Sjoerd van Molenschot út Rinsumageast. Yn 1728 stiet hja yn it Biltske stimkohier neamd as pachtster fan domeinlân (fan de Fryske Steaten) by Sint Jabik. In Floris Everts wenne dêr yn 1728 “by frou Molenschot”. Yn datselde jier troude hy mei in Tettje Symens. Frou Molenschot, dy’t meastal yn Ljouwert wenne, brûkte har pachtte Biltske buorkerij blykber yn dy tiid ek as bûtenferbliuw of bûtenpleats.
(Yn 1714 wennen in “overste Molenschot” en in Ieppina van Aylva as troude lju te Rinsumageast. Ik tink dat dit deselde boppeneamde Sjoerd van Molenschot is.)
DE MOAREKOP. (“Moriaantje zo zwart als roet, ging uit wandelen zonder hoed”.)
Moaren is de beneaming foar de Islamityske befolking fan it midieuske Spanje. De Moaren wienen benammen Noard-Afrikanen, Berbers en Arabieren. Omdat dizze woastinefolken in protte yn swarte gewaden rûnen is dit wurd ‘swart’ as útdrukking letter oergien op de hûd. Súd Spanje is ieuwenlang troch de Moaren beset west. De Moaren wienen ek slavenhannelers. De (meastal blanke) slaven waarden ferkrigen troch kidnapping, oerfallen en kapingen en se waarden meastal tewurksteld yn it troch harren besette Spanje. Sa wie Swarte Piet út Spanje fakentiden ek it skrikbyld om de bern leaf te hâlden, oars waarden se yn de sek meinommen nei Spanje. Hoe’t de Moarekop yn sibbe-, steds- en streekwapens kommen is bliuwt in riedsel. Hjir binne allegear leginden oer ûnstien. Hjir yn BERLTSUM is de blyndoekte Moarekop op ien fan de hearebanken efteryn de Koepeltsjerke te sjen. Guon minsken wolle dizze Moarekop oanwize as behearrende by it sibbewapen fan Van Gelder. Oaren ferwize nei de Roorda sibbe fan Ginnum. De grêfstiennen op it tsjerkehôf dêr yn Ginnum hawwe lykwols net-blyndoekte Moarekoppen. Sa wurdt der wol sein dat dizze Islamityske Moaren bûten de tsjerke net-blyndoeke wienen en yn de tsjerke wol, omdat hja binnen in Kristlike tsjerke net rûnsjen mochten. (Sjoch ek by “Quat(t)ro mori”.)
Yn Seelân kaam yn de stêd Zierikzee, yn 1735 in fûns (slavenkas) fan wêrút de troch de Moaren kaapte en finzen nommen en as slaven ferkochte Zierikzeese skipslju wer frijkocht wurde koene. Der waard dan ek gebrûk fan makke. Yn Harns waard al yn 1634 sa’n fûns (skippersbudel) oprjochte en besiet ek lân.
DE SWARTE GAPER
Sa hat ek de oan de bûtenmuorren fan apotekers en drogisten úthingjende swarte gaper neat mei diskriminaasje fan negers te krijen. De pillen op de tonge ferwize nei de Arabyske streken wêr’t de Moarse befolking wennet. Dêr komme de krûden wei dy’t brûkt waarden foar it meitsjen fan de medisinen
MUNNICKHUIJS / KLAVER.
Geale Klaver – soan: Sicke Geales Klaver (1430 - ?) soan: Claes Sickes Klaver ((1480 - ?) soan: Albert Claesz. (Klaver) Munnickhuijs (1515 - 1575) Deze troude om 1540 hinne te WIER mei Ebel Dircks Fogelsangh. Trije bern út dit houlik t. w.: 1. Dirck Alberts (Klaver) Munnickhuijs (1539 - ?) 2. Rixt Alberts Munnickhuijs (1542 - ?) 3. Claas Alberts Munnickhuijs (plm. 1545 - ?) De earstberne Dirck Alberts (Klaver) Munnickhuijs troude mei Trijn Dircks (Katrijn) van Poelgeest (plm. 1532 - ?) De soan út dit houlik Dirck Dircks (Klaver) Munnickhuijs (de âldere) (1591 – 1665) troude op 8 -8 – 1615 te Sint Jabik mei Grietie Martens Claesdr. (1594 – 1669) de dochter fan Marten Claeses en Wopke Jans SCHELLINGWOU en wenjende op de pleats Schellingwou (Skilwolde). Út dit houlik binne fiif bern berne, t. w. 1. Claas Dircks Munnickhuijs, 2. Marten Dircks Munnickhuijs, 3. Lourens Dyerecks KLAVER, 4. Dyerck Dyerck Munnickhuijs (de jongere) 5. Wopkien Dircks Munnickhuijs. Ôfstammelingen wennen / wenje ek yn BERLTSUM en op in protte oare plakken .... ....
Ôfstammelingen mei de nanmme KLAVER wenje no ûnder oare noch yn Dokkum (Alle Franses, Frans Alles Klaver etc. Sjoch ek op WIKIPEDIA de frije ensyklopedy) en BERLTSUM (Jan Minnes, Minne Jans Klaver etc.) Mar ek Merk Klazes, Klaas Merks van der Meij neamd yn dit e-book etc.) De sibbenamme SCHELLINGWOU stiet ek op de eardere grutte klok fan BERLTSUM oanjûn. De stamheit fan de Berltsumer Osinga’s (Klaas, Sijbe) Osinga wenne ek op de eardere pleats Skilwolde (Schellingwou) oan de Jetskereed nûmer 3. Hjir wennet tjintwurdich, op de no alhiel nij-boude pleats, Klaas Johannesz. Zijlstra. Earder wennen hjir op dit plak û. o. Tjeerd Rinzes Peterzon en Dirk Jacobs Tuininga. Boer Tjeerd Rinzes Peterzon wenne letter yn it Kleaster-Anjum.
ADELEN, ASINGA, IT HEEGHIEM, EASTERWÂL, EYSINGA.
Yn inkelde boarnen wurdt sprutsen oer in stins/state “ADELEN”by BERLTSUM (om 1775 hinne) fan de oarspronklik út Seisbierrum ôfkomstige aadlike sibbe Adelen. Dizze state moat stien hawwe tusken BERLTSUM en WIER. Op in kaartsje fan Eekhoff stiet by “HOOGHIEM” ook: Asinga (< ôflieden fan Eysinga?). It eardere Heechhiem (doe in pleats) lei ek tusken BERLTSUM en WIER en behearde ta it gebiet fan BERLTSUM.
Op in oar plak stiet beskreaun in “Eijsinga State” (om 1775 hinne) ten noard-westen fan BERLTSUM by de Wierstersyl (oan de Moddergatsreed). In oare beneaming is “AESTERFAL” by de Wierstersyl. Dizze stie oan de eastkant fan de Moddergatsleat, dus oan de Berltsumer kant en foel dus ûnder it gebiet fan BERLTSUM en net ûnder WIER. Doe’t de state ôfbrutsen waard, is dy as buorkerij wer opnij boud mei deselde namme, mar no oan de Wiersterkant en dus no behearrend by it doarp WIER.
Yn 1640 wie de grytman fan Menameradiel, t. w. jkhr. Tjalling van Eysinga, de eigner fan de state “Aesterfal”, doe ek wol neamd “Eysinga”. Dizze Eysinga wie ek de eigner fan “Heringa State” te Marsum, dy’t letter it “Popta Slot” neamd waard. Yn it stimkohier fan 1640 wurdt it hûs Easter-wâl mei stimnûmer 1 ûnder BERLTSUM noch Oosterwal neamd. Yn 1700 wurdt de widdo fan in hear Bruinsveld, yn libben “Schout bij nagt ter zee”, oanjûn as eigneresse fan Easterwâl en dy wie doe 47 pûnsmiet grut, wêr’t 20 florinen (belêsting) foar betelle wurde moast.
It eardere lân fan de pleats Easterwâl lei haadsaaklik de Moddergatssleat (Wiersterfeart) bylâns en wol oant BERLTSUM ta, ja sels oer de East Ynjeopfeart wie der greidlân, by dizze pleats behearrend, tusken it âld-tichelwurk en efter it Berltsumer tsjerkehôf. Hjir binne no de húzen, fan krekt foar en nei de Twadde Wrâldoarloch, oan de Molestrjitte op boud. Earder al wie hjir op in stik fan dit greidlân al mûne “De Hoop” (houtseagerij) fan timmerbedriuw van der Meij boud. Dizze mûne hat hjir oant 1930 ta stien en is doe jammergenôch ôfbrutsen. Dêr wie in elts yn BERLTSUM it der net mei iens. Dit wie no yn dizze tiid seker net bard.
Pleats “DE FONTEIN”.
Dizze winkelheakpleats oan de Wiersterdyk, boud om 1700 hinne, is neamd nei de rike Frjensjerter stienfabrikant en houtseager, de eigner fan dizze pleats, Dirk Fontein, troud mei Grietje in dochter fan Tymen Jans (Andringa) en Trijn Joukes. Dêrnei troch fererving waard mr. P.J. Mebius notaris te Marsum, troud mei Christina Dirks Fontein, de eigner. It lân lei foar in grut part efter de pleats. Lettere hierders/ eigners /brûkers fan de pleats wienen û. o. boer Klaas Egges Pieterzen, feeboer Lammert Alberts Faber, jirpelhanneler Goasse Hylkes Miedema, en de soannen fan Jabik Weijer. De Fontein pleats is dêrnei ek brûkt as autogaraazje en as waskerij.
DE JIRPELSYKTE.
Yn de fjirtiger jierren fan de njoggentje ieu kaam Jeropa yn de gryp fan in ferneatigjenje jirpelsykte. De skimmel feroarsake misrispings en dêrmei safolle misêre dat de heale befolking fan Ierlân it beslút naam om te emigrearjen nei de Feriene Steaten. Ek yn Nederlân laatte de honger ta opskuor, foaral yn de noardlike provînsjes. (it saneamde “jirpel opskuor”) It leger reagearre mei hurde hân. Yn de jierren 1820 wie Nederlân relatyf it rykste lân fan ‘e wrâld, mar dat betsjutte net dat eltsenien yn lúkse libbe. In protte earme lju, foaral út de doe “ôfskieden” tsjerken (de “kleine luyden”) binne doe fuorgien. It wie net yn it foarste plak dat hja hjir net duldde waarden as tsjerken, mar dreaun troch de earmoede en de honger hoopten hja ek, lykas de Ieren, yn it fiere Amearika in better libben te krijen. Út BERLTSUM binne doe ek ferskate gesinnen emigrearre. Dit wie noch mar it begjin, letter soenen noch folle mear folgje, foaral nei de Twadde Wrâldoarloch. Doe binne ek in protte Berltsumers ynlânsk ferhúze, foaral nei de Hoogovens (IJmuiden/Velzen), nei de nije polders (de N. O. P., de Wieringermar) en nei Drachten. (Philips) en oare plakken.
DE EARME ARBEIDERS.
It wie eartiids in hurde tiid. De ôfhinklikens fan de bazen wie hiel grut: der wienen noch talleaze deihiersarbeiders, minsken dy’t fan dei oant dei mar sjen moasten oft hja ynkomsten hienen. Dat wie seker sa yn de earmere dielen fan Nederlân as dy’t wennen op de Fryske heide, yn Drinte en yn Brabân. Hja wienen wol tige earm en libben yn miserabele omstannichheden. (plaggehutten, krotten.) Mei de komst fan it keunstdong kamen de sângrûnen ta fruchtberens en waarden de tastannen der ferbettere. Froulju’s ferienings, wêrûnder dy fan BERLTSUM, (sjoch yn dit e-book) hawwe destiids, bûten de earmen fan de tsjerken, ek foar de heidebewenners noch in protte breidwurk ferjochtte. Sosjale wetten (sjoch yn dit e-book by Talma, Drees) brochten letter mear wolfeart foar dit hurdwurkjende earme arbeidersfolk. (Sjoch ek by “Broedertrouw” op it Bilt).
NEDERLÂNSK YNJE (YNDONESIË).
Kening Willem I. soe him sjen litte as it ienige keninklike staatshaad yn de Nederlânske skiednis mei daadwerklik in protte politike macht. Behalve autoritêr wie hy ek in trochpakker. Hy driuw it troch de Frânsken ferearmde lân wer op. Mei it oprjochtsjen fan de Nederlânske Bank krige hy in middel yn hannen om syn ekonomysk belied te finansierjen: hy stimulearre de yndustrialisearring fan it hjoeddeiske België, hy liet talleaze kanalen grave om lânlike regio’s te ûntslúten en hy rjochtte de Nederlânske Hannels Maatskippij (NMA) op om de koloanjen yn it hjoeddeiske Yndonesië opnij út te baatsjen (sjoch by Huidekoper yn dit e-book). Op Java waard it Kultureel-stelsel ynfierd, wêrby’t ûnder gesach fan ynlânske bestjoerders de Javanen twongen waarden fruchten te ferbouwen dy’t de NMA op de wrâldmerk ferkeapje koe. Der wie yn syn tiid oarlogjen yn Jeropa en der wie oanhâldend oarloch yn de koloanjes. De Java-oarloch (1825-1830) en de Atjeh-oarloch (1873-1904) binne twa hiel grutte konflikten west, mei in protte deaden. (sjoch ek de neamde Atjeh-feteraan, de Berltsumer Jan Herrema, en op side 282 yn dit e-book) En tusken dy oarlogen yn wienen der oanhâldend skermutselingen, strafekspedysjes en feroveringstochten. Dat kaam foar in part troch de dynamyk tusken de Nederlânske oanwêzigens en de folken op Sumatra, Java, Lombok en Bali. As der konflikten ûntstienen, waard der fêst it Keninklik Nederlânsk –Ynjes Leger (KNIL) op ôfstjoerd. De Java-oarloch kostte 200.000 Javanen it libben. De Atjeh-oarloch waard pas nei fjirtich jier foar as beëinige ferklearre, yn 1904, Wilhelmina, doe 24 jier âld, wie yn dy tiid keningin wurden.
Dit binne de oarlogen west dy it Nederlânske gesach dêr festigje moasten, mei as doel dy gebieten ta in wingewest om te foarmjen. Harderwyk wie oant begjin de tweintigste ieu it koloniaal windepot. Dêr waarden soldaten foar it KNIL wûn. Bekend is dat der ek in protte soldaten út Dútslân kamen, of wêr dan ek út Jeropa: loksiikers dy’t in baan hawwe moasten, ûnderdak earne, en yn elts gefal iten. Sa wurke dat. Harderwyk waard wol it ôffoerputsje fan Jeropa neamd. Letter komt de yndustrialisearring, de fuortgeande demokraasie, de iepening fan it Noardseekanaal yn 1876, de oanliz fan spoarwegen (sjoch by N.T.M. Berltsum yn dit e-book) en kanalen, de skieding fan tsjerke en Steat, de emansjepaasje fan arbeiders, de ôfskaffing ûnder Willem III. fan de slavernij (sjoch by de W. I. C. de sibbe Ponne yn dit e-book) en de herfoarming fan it middelber ûnderwiis.
Dan noch eat oer it byld fan de westerske superiorieteit, dy’t sels oant nei de Earste Wrâldoarloch bestean bliuwe soe. Mei it idee: wy binne de beskaving. (sjoch ek by it Nut van het Algemeen, Het Nut yn dit e-book) Sjoch mar: wy hawwe demokrasy, wy hawwe rjochten, wy hawwe moderne produkten, wy hawwe elektrisiteit en wy hawwe wittenskip. WY BINNE DE FERLJOCHTING yn harren topfoarm. Wy mienden, as blanken, taak te hawwen om de efterbleaune folken yn de wrâld op te hifkjen nei de beskaving. De Frânsken kenden dat as “mission civilisatrice” – de beskavingsmisje - en wy kenne it as “etyske polityk”. Dit is in abslút befâldigjenjende polityk, want de kolonisator wist it altiten better. Sa’t Abraham Kuiper ris sein hat: “Het gaat er niet om wat Java voor ons kan betekenen, het gaat erom wat God heeft bedoeld wat wij voor Java zijn”. (útstrûpers!! sil hy bedoeld hawwe.) Hiel lang wurdt de metafoor fan “koloniale folken as bern “ brûkt. En dy koloniale situaasje wie troch en troch rasistysk. Wolbeskôgjend is de Nederlânske koloanje ek nei 1900 yn alle opsichten noch in apartheidsteat: jo hawwe der aparte wetboeken foar de blanken (de Jeropeanen), foar de frjemde Easterlingen (de Sinezen) en allerhanne oare folken dy’t hannelen yn Nederlânsk Ynje en foar de ynlanners. Doe’t nei de Twadde Wrâldoarloch Soekarno stribbe nei ûnôfhinklikens fan Nederlânsk Ynje moasten Nederlânske militêren der no ek wer hinne om oarder op saken te stellen. Ûnder presje fan Amearika moast Nederlân úteinliks belies jaan en is East-Ynje in ûnôfhinklike staat wurden. In protte Berltsumer militêren waarden twongen nei nei Ynje stjoerd. Ek wienen der Berltsumers as frijwilliger hinne gien. Lokkich binne hja frijwol hast allegearre wer libbend weromkommen. (sjoch yn dit e-book de út Ynje neamde weromkommende seeskippen, neamd mei Berltsumer nammen fan Ynjegongers en ek de dêr yn Nederlânsk Ynje ferstoarne Berltsumers.) “Indië verloren, rampspoed geboren” wie doe de leus.
HOUTSEAGMÛNE “DE HOOP” oan it Berltsumer Wiid.
Dizze achtkantige, mei reid dutsen houtseagmole, op it ein fan de Bûterhoeke is yn 1930 ôfbrutsen, wilens dizze mûne yn 1930 nota bene al stie op de list fan foarearst Nederlânske monuminten fan skiednis en keunst (1930). Deel IX Fryslân. It is net te begripen!
De D’Aumale poarte as ienichst oerbliuwsel fan de ôfbrutsen Hemmema State mei syn halsgevel mei wapenstien is lokkich bewarre blean al is dy yn 1923 skeind en ynwindich betimmere. It hie net folle skeeld of de poarte wie ek ôfbrutsen wurden.
(Sjoch foar mear hjiroer yn dit e-book û. o. op de siden 966 en 1576).
DE HUIDEKOPER’S SIBBE.
Jan Huidekoper (sjoch yn dit e-book) wie berne op 3-3-1766 te BERLTSUM as soan fan Anne Huidekoper en Hylkje Quader. Jan wie troud mei Geertrui Margaretha Stinstra, berne te Amsterdam en hja wennen dêrnei te Amsterdam. Dêr binne fjouwer bern berne t. w. Anne Willem, (*18-9-1766), Pieter (*31-3-1798), Anna Cecilia (*28-2-1800) en Jan Huidekoper (*20-9-1803). Twa fan harren t. w. Pieter en Anna Cicilia Huidekoper trouden mei in van Eeghen. Beide patrisiërssibben hawwe in protte betsjutting hân yn de Nederlânske maatskippij as hannelslju, hienen bestjoerlike funksjes, wienen bewâldhawwers fan de V.O.C., de W.I.C., de Admiraliteit en it Ryk en gean sa mar troch. De stamheit fan de Huidecopers is in Jan Jacobsz Huydecoper, alias Jan Jacobs Bal (1541-1624), hûdekeaper en learloaier te Amsterdam. De van Eeghen’s wienen foar-oansteande lju, út in net aadlike sibbe, ek út Amsterdam, oarspronklik ôfkomstich fan it West-Flaamske plak Kortemarkt.
JOHANNES HENRICUS NIEUWOLD (1737 – 1812).
wie op maatskiplik (en foaral op tsjerklik- en skoallemêd) in kundich en foaroansteand man. Hy hie yn Grins, wêr’t hy teology studearre, it brûkme kennen leard fan it bouwen etc. fan sûkerei en krige wat sied mei. Hy pielde in bulte mei sûkereidroegjen yn de tún fan de Herfoarme pastorije te Wargea, snijde de woartels en droege se op ‘e stove en baarnde se yn ‘e stropanne en mealde se yn ‘e kofjemûne. Dat wie wat nijs yn Fryslân! Dêr wienen twa boeren, dy’t op tsjerke-pleatsen wennen en de hier net opbringe koenen. Dûmny joech harren de rie om sûkerei te bouwen. Hja dienen it en it betearde skoan; hja kamen troch de sûkerei wer op ‘e klúten. Op in dei kaam in Ljouwerter keapman op ‘e pastorije en koft dûmny syn sûkerei foar âlve stoeren it pûn. Gerbrand Sybrandi te Húzum stifte it earste sûkereifabryk, yn ‘e rin fan inkelde jierren kamen der ek guon op oare plakken. Yn BERLTSUM binne der ek ferskate sûkereifabrykjes ûntstien. (Sjoch foar mear hjiroer yn dit e-book) Nei 1814 naam de útfier fan sûkerei nei Dútslân tige ta. De grutte opkeaper en ferstjoerder fan de sûkerei troch Jeropa wie P. Koumans Smeding te Ljouwert. Foar guon minsken dy it net witte, de griente wytlof groeit op de sûkereiwoartel. It dollen hjirfan wie tige swier wurk.
“BROEDERTROUW”.
wie in feriening fan lânarbeiders, oprochte op 27 oktober 1889 oan de Âlde Biltdyk by Sint Jabik. Doel wie it ferbetterjen fan de libbensomstannichheden fan ‘e arbeiders. Dizze feriening organisearre ferskate stakingen, faak rjochtte tsjin it keppelwurk. De ôfdieling Sint Jabik fan Broedertrouw formulearre yn it foarjier fan 1890 harren leaneask en lei dit de boeren foar. De boeren wegeren dit foarstel mei as gefolch dat op 17 maaie de lânarbeiders it wurk delleinen. De reaksje fan de boeren op it sukses fan dizze feriening kaam al gau. Yn it midden fan 1890 fûnen 150 boeren op it Bilt inoar en ferbûnen harren ta ûnderlinge stipe by wurkstaking dy’t in jier duorre hat. It ferrin fan de staking wie rêstich, doch nam it Regear it beslút om 100 man ynfantery, 25 fjildwachters en in oantal maresjees nei it opstannich gebiet te stjoeren. De stakingslieders Gerben van Tuinen (besibbe oan de Berltsumer van Tuinens) en it bestjoerslid fan de Fryske Folkspartij, Jan Stap, waarden derfan beskuldige ûnderkrûpers mei de dea bedrige te hawwen. De boeren probearren de staking te brekken mei help fan ûnderkrûpers (wêrûnder der ek nochal wat arbeiders wienen út BERLTSUM, sjoch yn dit e-book). Beide waarden lykwols frijsprutsen. Harren abbekaat wie mr. Pieter Jelles Troelstra.
GENOATSKIP “IT NUT”.
De minniste dûmny van Nieuwenhuijzen oppere op in praatgroep de idee om in genoatskip op te rjochtsjen mei as doel it befoarderjen fan it folkslok yn it algemien, mei nammen troch inisjativen te nimmen op it mêd fan folksûntwikkeling. Om kennis te winnen foar minsken dy’t dêrta sels net yn steat wienen. Syn soan Martinus Nieuwenhuijzen, dokter te Edam, wurke dit ynisjatyf út. Hy die it foarstel om in genoatskip op te rjochtsjen mei as doel it ferbetterjen fan it skoallewêzen troch de opfieding fan de jeugd, de beskaving fan de boargers te befoarderjen ensafuorthinne. Koart sein om de gewoane man mear kundigens by te bringen. Sa waarden op inisjatyf fan dizze feriening û. o. skoalboeken útjûn, beukerskoallen, naaiskoallen mar ek bibleteken oprjochte. De oprjochtingsgearkomst wie op 16-11-1784. It genoatskip krige de namme “Genoot schap van Konsten en Wetenschappen” ûnder de sinspreuk “Tot nut van ‘t Algemeen” of noch koarter sein “Het Nut”. De Berltsumer Herfoarme dûmny Gerhard van der Tuuk hat him hjir ek tige foar ynsetten. Sjoch foar mear hjiroer yn dit e-book. It Nut joech inkelde wurkjes fan him út dy’t oan it grutte doel fan de folksopfieding tsjinstber wêze moasten. Sa wienen syn karakter-sketsen fan Bibelske persoanen bedoeld as in helpmiddel foar “vrome, maar ongeletterde christenen”. In protte minsken koenen doe ek noch yn dy tiid net lêze en skriuwe en waarden idioaten neamd, dat woe sizze ‘immen kinnende lêze noch skriuwe’. Doedestiids in hiel gewoan wurd dus. Hja ûndertekenden meastal mei in krúske.
DE MODERNE DEVOTIE (De Devotio Moderna).
wie in spirituele beweging binnen de midiuwske Roomske tsjerke. De grûnlizzer wie Geert Grote, berne yn 1340 te Dimter. Dizze beweging ûntstie omdat de minsken net tefreden wienen mei harren situaasje ûnder de geastlikheid. (Sjoch bgl. by de reis fan abt Liauckema nei “Ter Poarte” by Boksum oer de misstannen dêr yn dit e-book neamd). Dizze beweging stie foar in fernijing fan it Kristlike mienskipslibben en is te sjen as in herfoarmingsbeweging binnen de Roomske tsjerke en maatskippij. Dizze beweging hat yn BERLTSUM ek koarte tiid ynfloed hân.
DE CHANOEKA.
De chanoeka kaam yn 2013 ta stân, mei op inisjatyf fan Arjen Lont, doe noch direkteur fan it lyknammige boubedriuw yn Sint Jabik. Yn gearwurking mei Klaas Zijlstra hijr yn BERLTSUM boude hy de Joadske ljochter. It bouwwurk kostte 22.000 euro en waard alhiel sponsearre troch Fryske bedriuwen. It gefaarte is tolve meter heech. (Sjoch yn dit e-book) Lont, honorêr konsul fan Israël yn Fryslân, hat no in crowdfundingsbrief ûndertekene. Kristenen foar Israël wol yn it kader fan LF2018 (Ljouwert Kulturele Haadstêd) yn it neijier fan 2018 dizze chanoeka nei Ljouwert helje. Om it ûnbiddich ding nei Fryslân te krijen – en pleatse te kinnen – is in bedrach fan tusken de 15.000 en 20.000 euro nedich. Ûnder de Fryske donateurs fan Kristenen foar Israël is no in jildwinningsaksje start om dat bedrach byinoar te krijen. (F. D. fan 12-2-2018)
“DE KLOKKEN FAN BERLTSUM”. (In eigen “Romeo & Julia”.)
BERLTSUM is dielnimmer ‘LEEUWARDEN Culturele Hoofdstad 2018’ mei it projekt “De klokken fan BERLTSUM” Dit projekt is ien fan de 32 projekten, dy’t ûnder de flagge fan ‘Ûnder de Toer’ organisearre wurde. “De Klokken fan BERLTSUM” is muzykteater mei de neidruk op muzyk mar wêryn’t ek in stik teater opslúten sit. It is basearre op de histoaryske feiten rûn de twa klokken dy’t oarspronklik yn de toer fan de eardere krústsjerke sitten ha op it plak wêr’t no de koepel-tsjerke stiet. Dat ferhaal hat Durk Klazes Osinga foarlein oan de seleksjekommisje fan ‘Ûnder de Toer’. Dizze wienen der lyk hiel entûsiast oer en hawwe de bekende Fryske tenor Albert Bonnema oan dit projekt koppele. Trije koaren en muzykkorps “OpMaat” wienen entûsiast om hjiroan diel te nimmen. Ek binne minsken nedich, as figuranten, toanielspielers en minsken dy’t meihelpe wolle om dit te organisearjen. It muzykteater wurdt yn de earste wike fan maaie útfierd. De manne- en de frouljusklok fan BERLTSUM binne sûnt 1777 skieden. De frouljusklok, troch it lot ferbûn oan de eardere manneklok fan BERLTSUM, is yn de Twadde Wrâldoarloch út de Berltsumer toer helle om omraand te wurden ta oarlochstúch. De manneklok hinget no wer yn Mannheim yn ‘e toer fan de Konkordiënkirche en hat de oarloch, krekt as dy fan BERLTSUM, ek oerlibbe. De Berltsumer frouljusklok hat ein 2017 “in ferjongingskuur” (ek wer yn Dútslân) ûndergien en sjocht der no wer tige kreas út. De grutte manneklok waard rom 20 jier letter op woansdei 18-4-1798 troch de siktaris J. Mebius ferkocht yn de Nije Herberch te BERLTSUM. Der waard 925 car. gûnen op bean.
(Foar mear hjiroer sjoch by haadstik 21 yn dit e-book op de siden 597/598, op side 603 en de Tsjerkebrief fan de P. G. BERLTSUM (P. K N. ) fan 2-10-2017 op side 1741.)
DE GEFOLGEN FAN DE ‘BEURSKRACH’ fan 1929.
De wrâldwide krisis fan de tritiger jierren fan de tweintigste ieu begûn yn oktober 1929 yn de Feriene Steaten nei de ‘Beurskrach’. De ynienstoarting op de Beurs fan Wall Street yn New York hie katastrofale gefolgen. Om 1935 hinne berikke de krisis yn Nederlân in hichtepunt. Wurkleazen waarden finansjeel minimaal ûnderstipe. Om te foarkommen dat de wurkleazen der swart by wurkjen gienen, moasten de mannen daagliks stimpelje yn it stimpellokaal. In protte wurkleazen waarden tewurksteld op de hûnderten hektares útstrutsen fean– en heidefjilden yn Drinte. Oare noardlike wurkfoarsjenningsprojekten wienen bygelyks it graven fan it Grinzer Van Starkenburgkanaal en it Fryske Van Harinxmakanaal, it droeglizzen fan nije polders of lânoanwinning de kust bylâns. (de slikwurkers) Sa rûn bgl. Oane Roelé út BERLTSUM doe eltse dei nei Dronryp om dêr de hiele dei mei in pipegaaltsje modder út te kroadzjen oan it Van Harinxmakanaal en rûn de jûns werom. Dus fan moarns betiid oant de jûns let fan hûs. Guon mannen seinen wol ris tsjin harren froulju, “Moast de lytse bern no en dan mar ris wat letter nei bêd bringe, dan kinne wy de lytskes ek noch efkes sjen en oankrûpe. De wurkleazen hienen net folle kar. As hja net meidraaiden, rêstte harren neat oars as dan de earmensoarch. Dêr krige men trije gûne kon- tant en trije gûne yn natura. By de wurkferskaffing koe men minimaal sân en maksimaal fyftsjen gûne fertsjinje, ôfhinklik fan it wurktempo. Der waard troch guon arbeiders yn ienfâldige barakken oernachtte. Fan eltse Nederlânske arbeider wie der ien langer as in jier wurkleas. It wie dus wurkjen en deagean.
(Sjoch ek by WURKLEAZENS op û. o. de siden 247 en 248 yn dit e-book.)
“OOK DIT IS LEVEN”.
is de titel fan in boekje skreaun troch dûmny Hein Gerrits Groeneveld. Ferhalen út de Twadde Wrâldoarloch (1940-1945), 15 jier letter op 24-12-1959 e. f., troch Groeneveld skreaun yn de Bildtse Post. Hy wie ûnderdoken mar waard troch de Dútsers oppakt, nei Ljouwert ferfierd en kaam yn it Hûs fan Bewaring. Hy fertelt wat hy dêr belibbe hat. Dêr moette hy û. o. de ek finzen nommen dûmny fan Jorwerd, Bastiaan van Gelder, alias “Boudewijn Gardenier” de skriuwer fan it boek “Nachtboek van een kerkuil”. Ds. Hein Groeneveld is berne op 30-4-1920 te WIER en is stoarn op 1-8-1968 te Breadstrup yn Denemarken. Syn heit Gerrit Jelles Groeneveld wie boer op ”Sparrenheining” en dêrnei syn broer Jelle Gerrits Groeneveld en dêrnei syn omkesizzers Gerrit en Klaas Jelles Groeneveld. No wennet hjir op dizze pleats oan de Wiersterdyk de Berltsumer bakker yn de Buorren, Jan Sjoerd Wijnsma.
(Sjoch ek by dûmny Hein Groeneveld op side 663 yn dit e-book.)
IT BERLTSUMER “HÛNEGAT”.
Yn Fryslân waarden de arrestanten opsletten yn kerkers, boargen, kastielen en blokhúzen. Yn de tsjerken hienen je it saneamde “hûnegat” ûnder de toer. Dat wie in donkere primitive sel. Omdat de Koepeltsjerke gjin hûnegat hie waard ûnder de stiennen trep fan it doe nij yn 1897 te bouwen Earmhûs oan de Lytsebuorren in sel (in kassjot) makke foar minsken dy’t hjir troch de plysje oppakt waarden. Dizze sellen waarden ek wol yn kleasters fûn. Yn de Midsieuwen spilen tsjerke en jild in wichtige rol yn it jaan fan straffen. De minsken yn de Midsieuwen waarden dreaun troch eangst. De tsjerke spile dêr op yn. As jo je mar oan de rigels hâlden wie it goed, libben jo dêrbûten dan wienen je in “ketter” en waarden je feroardiele en waarden de swierste mishannelingen oplein sûnder rjochtsgong. Der wie in konneksje tusken tsjerke en jild. Men koe sanksjes ôfkeapje. Jild wie wichtich foar de stêd en dus ek foar de tsjerke. Hie men gjin jild dan wie der neat oan te dwaan.
(Sjoch ek op side 1165 yn dit e-book.)
..............................................................................
DE FRJEMDE OERHEARSKERS fan doe yn FRYSLÂN, neamd yn dit e-book.
ALBRECHT fan SAKSEN – MEISSEN (1443-1500), erfpotentaat fan Fryslân, de Ommelannen, Ditmarschen en Würsten.
KAREL V. (1500-1558) û. m. Hear fan ‘e Nederlannen, Kening fan Spanje etc. .... etc. ....
ALBRECHT fan BEIEREN (1336-?) û. m. Ruwaard fan Hollân, Seelân en Henegouwen.
GEORG fan SAKSEN – MEISSEN (1471-1539) mei de bynamme “Joris mei it burd”. Hy hierde û. m. de yn dit e-book de saneamde “de Zwarte Hoop” yn.
CASPAR di ROBLES, Hear fan Billy (1527-1585), de Spanjoalske steedhâlder yn Fryslân en it Grinzerlân. (de Ommelannen)
GEORG fan LALANG, grêve fan Rennenberg, (1535-1581).
LJOUWERTER “GALGELAPPERS”.
Ljouwerters droegen de spotnamme fan “galgelappers”. Dizze namme is ûntliend oan it feit dat eartiids de ienige galge fan Fryslân yn Ljouwert stie. De ljouwerters wienen de miening tadien dat ek net-ljouwerters oan it ûnderhâld fan dit marteltúch meibetelje moasten (“lapje”). Ek net-ljouwerters waarden ommers hjir ferhongen! De rest fan Fryslân tocht hjir lykwols oars oer. De ljouwerters fertsjinnen al genôch oan de belangstelling wie men fan miening. Foar it bywenjen fan dit midieuske spektakel moast nammentlik al flink yntree betelle wurde. Der wie dan net “lappe” foar de galge, sa giet it ferhaal.
Oft dit in wier ferhaal is, wit ik net. Dan moat Ljouwert letter it ienigste plak west hawwe mei in galge. Foar 1516 hat ek de gemeente MENAMERADIEL in galge hân en dy moat stien ha te Dyksterhúzen op it nije Bilt by Bitgumermole ha ik earne wolris lêzen. De galge stie meastal bûten de bebouwing earne op it iepen fjild, op in plak wêr’t de minsken net graach wenje woenen. Foar de ynpoldering fan it Bilt waard dit gebiet efter de eardere seedyk ek net graach bewenne fanwegen it fakentiden opkommende seewetter. Dit soe in ferklearring wêze kinne foar dit plak krekt bûten de gemeente Menameradiel op it doe noch fan de see iepenlizzende Biltlân. It is mar in ûnder stelling fan my.
“HY GROEIT OP FOAR GALGE EN RÊD”. “HY SJOCHT DERÚT OFT ER FAN ‘E GALGE FALLEN IS”.
“IMMEN DE GENEDESLACH TABRINGE”.
Rêdbraken wie yn de midsieuwen in middel om de deastraf út te fieren. De straf jilde as bysûnder, lykwols wie se bedoeld foar de allerswierste misdiedigers. De skeiningen, it brekken fan de bonken dy’t mei in izeren steaf plak fûnen, wienen bedoeld om it opstean te ferhinderjen. Sjoch ek by Dirkje Dirks út Easterbierrum dêr oer it rêd, op side 1210 yn dit e-book.
DE HYGIËNE WURDT BEFOARDERE.
Grúzichheden, smoargens, dongbulten, hynstestront, hûnestront, ja wat kaam men al net tsjin op de strjitten en yn de steegen. Om de stêden, de doarpen, de strjitten en de omkriten skjin te hâlden waard yn it ferline net folle dien. In elts moast mar sjen hoe ’t hy syn smoargens kwytrekke. In protte wat men kwyt woe waard yn de grûn bedobbe of yn sleatten smiten. Wat wist men nammens fan hygiëne? Faak brieken sykten út wêr’t men de oarsaak net fan wist. Letter kaam men derefter dat fersmoarging de grutte oarsaak wie. In protte (doarps)sleatten waarden dêrnei tichtsmiten. Dongbulten mochten net mear yn de doarpen opsmiten wurde. Der kaam in gemeen tereiniging en der waarden rioalearings yn de strjitten oanlein. Bûten BERLTSUM, tusken de Kleasterdyk en de Frjentserterfeart, waard in jiskelân oanlein. Op it Dok leinen twa preamen, ien foar de hússmoargens en ien foar de húsketonnen dy’t nei it jiskelân fearren. Ienris yn de wike waarden de tonnen ophelle en de te ferfangen lege tonnen waarden disynfektearre mei kreoline. De strjitfeier gie regelmjittich mei de biezem en de hânkarre it doarp troch om de goaten skjin te feien. Op de strjitten leinen in protte hynstefigen wat by guon minsken, dy’t wolris foelen, yn de iepen wûnen tetanus feroarsaakje koe. Dizze ynfeksje wurdt feroarsake troch de earnstich besmetlike ynfeksjebaktearje dy’t foarkomt yn hynstestront en yn de strjitsmoargens. Foaral de bern waarden yninte tsjin tetanus omdat dy in protte op de hannen en knibbels foelen ûnder it boartsjen op de strjitte. De gemeentereinigers hienen faak in learen skelk foar en droegen meast al learen moffen. No komt men de auto hast net mear út en giet it allegearre automatysk. Wat in foarútgong, tink ik dan, mar it giet no wol folle rûger as eartiids.
De nammen it “jiske-lân” en de “jiske-amer” jouwe oan dat jiske fan de kachels de haadsaak wie wat wykliks yn de “amers” oan de dyk brocht waard. Dy “amers” wienen faak allerhanne fetten as bgl. molkbussen wêr’t de hals fan ôfhelle wie, âlde jirpeltonnen dy’t net mear as sadanich brûkt waarden, âlde turfbakken en gean samar troch. De mannen fan de “jiske-auto” hienen der dan ek in hiele put oan om dy “jiske-amers” yn de “jiske-auto” te leegjen. Letter krigen wy de plastyk jiskepûden, de uniforme sinken jiske-amers en noch wer letter de gruttere saneamde kliko bakken no neamd de bio- en sortibakken fan keunststof. (Sjoch op side 1228 yn dit e-book.) Dit wie in hiele ferbettering. As it yn’e winter sjippeglêd wie waard de jiske ek wol brûkt tsjin de glêdens. Eartiids hienen de measte húzen efterhûs in “pishoekje” foar de manlju. Mar yn it doarp waarden hoekjes by de húzen somtiden ek wol brûkt tsjin hege need ûnderweis. Om dit tsjin te gean waarden dêrom wol ien as twa izeren ringen tsjin de hûzen befêstige. Sa’n izeren anti-pis ring is no noch te sjen te BERLTSUM yn de Buorren yn sa’n hoekje by stienhouwerij DUVA.
DE WYKLIKSE HIMMELDEI.
Sneons wie it himmeldei, dan waarden de strjitten skrobbe, de flierkleden en de matten kamen op it rak of de oan de line te hingjen en hearde men oeral it klopjen fan de mattekloppers. It swilk waard wreaun mei oalje. De auto’s dy’t men hie, en dat wienen der noch net in protte, waarden himmele en útsogen. Guon froulju hellen soms de hiele keamer leech om dy te himmeljen. De rúten waarden himmele en de reagebol moast de spinreagen fuorthelje. Ek waarden op sneontejûn de bern yn de tobbe dien en wosken de âlders harren sels en strûpten skjinne klean oan, dy’t dan op moandei, de waskdei, yn ‘e wasktobbe wosken waarden. Dêrnei kaam de wask oan de line te hingjen om te droegjen. It bêdeguod, de lekkens, waard moandeis ôfhelle en nei it waskjen yn de simmer fakentiden ek noch yn de bleek lein om te bleekjen. Bleekmiddels wienen der hast noch net. It striken barde meastal de jûns. Inkelde minsken hienen in wringer, en inkelden in waskmasine. As op sneontejûn om healwei sâwnen de Berltsumer klok begûn te lieden waard der wol sein “Dûmny giet yn bad” of ”docht de skjinne klean oan”. Dat lieden fan de klok op sneontejûn moast de minsken deroan werinnerje: Tink derom, de snein komt deroan. Sneon is ôflieden fan snein-jûn, dus de jûn foar de snein. De Dútsers sizze it ek wol Sonnabend yn stee fan Samstag. Yn de Fryske Wâlden seit men fan Saterdei. Nei de Twadde Wrâldoarloch krigen de measte minsken in waskmasine en ek in droeger. In protte húzen waarden doe ek foarsjoen fan in dûs en guon mei doe yn ús eagen noch wer in lúkser sit- of lizbad. Yn dy tiid krigen de measte wenten ek in w. c. mei in bearput. Djipriolearring is fan noch wer lettere tiid. Dizze de lêste tiid ek hieltiten mear en mear skieden mei de ôffoer fan it smoarge- en it folle skjinnere himelwetter. BERLTSUM gie wat dat oangiet ek mei de tiid mei. Grutte rioalreinigingsynstallaasjes hjir en dêr binne ek mear en mear yn opkomst.
HET FRIES FOTO ARGIEF (TRESOAR) op GOOGLE.
Yn it Frysk Foto Argyf binne in protte foto’s fan BERLTSUM te sjen. Sa binne der ek in 9 tal foto’s te sjen fan de op 30-7-1867 yn BERLTSUM op it skip berne Jan Schaafsma as âldste fan acht bern en as twillingsoan fan skipper Auke Hessels Schaafsma en Rienkje Lykles Rodenhuis. Syn twillingbroer is direkt nei de berte stoarn. Fan de acht bern binne der sân bern berne te BERLTSUM. Jan Schaafsma emigrearre letter nei Grand Rapids yn de steat Michigan (U. S. A.) Dêr siet hy yn it bestjoer fan de lokale ôfdieling fan de Fryske Krite “Friso” te Grand Rapids.
Skipper MERK KLAZES VAN DER MEIJ.
Merk Klazes van der Meij, berne te WIER op 28-3-1819, fan berop “asman”, (letter turfskipper te Sint Jabik) wie boaske mei Houkje Reins (Windstra) Wijnstra, berne te Frjentsjer op 23-10-1826. Bern út dit houlik: 1. Klaas Merks v. d. Meij, berne 26-8-1851 te Frjentsjer, 2. Rein Merks van der Meij, berne 21-1-1854 te Drachten, 3. Dochter Aagje, berne 4-12-1856 te?, 4. Jan Merks van der Meij, berne 27-5-1859 te Frjentsjer, 5. dochter, Sjoukje berne 19-12-1861 te Ljouwert, 6. dochter Trijntje berne 16-5-1864 te Sint Anne.
Dizze Merk Klazes van der Meij, letter wenjende te Frjentsjer, is net de Merk Klaas Dirks van der Meij, berne op 1-1-1751 te BERLTSUM, op 11-2-1787 tr. m. Ieskje Dirks de Vries, de hierder fan de pleats “Easterwâl” te WIER dy’t op 17-2-1820 der stoarn is, (sjoch side 306 yn dit e-book). Hy is de heit fan Lysbeth, Hiltje, Klaas en Dirk van der Meij.
(Sjoch foar mear hjiroer op de siden 305 en 306 yn dit e-book by de pleats “Oosterwal” te WIER.)
Timmerman en houtseagemûne eigner Auke Lourens van der Meij, berne te WIER op 7-9-1788 en troud mei Janna Postma, de oannommen dochter fan dûmny Gerhard van der Tuuk, berne op 2-11-1787 te Zuurdijk yn it Grinzerlân, as dochter fan Jan Klazens en Jacomina Jannes, sil nei alle gedachten fan fierren ek oan de Wierster boer Merk Klazes van der Meij besibbe wêze. Soan Lourens Aukes van der Meij, berne te BERLTSUM op 29-12-1819, wie, krekt as syn heit, ek timmerman en de twadde soan Gerhard Aukes van der Meij, berne te BERLTSUM op 4-11-1821, neamd nei syn pake dûmny Gerhard van der Tuuk, wie ynearsten ek sûkereidroeger.
..........................................
“WER’T IN HYNDER SYN FOET SET, WOL GJIN FRUCHT WAAKSE”.
“Waar een paard zij poot zet, wil geen vrucht groeien”. (poat moat natuerlik foet wêze, in hynder hat gjin poaten mar fuotten.)
Dat wie eartiids it segje, hjir ek yn BERLTSUM. de grûn moast foarbewurke wurde troch it hakjen fan it lân of de tún. De âld-gerniers woenen dêrom gjin hynder en letter ek gjin trekker op it lân hawwe. De grûn wurdt plat trape (riden) waard der sein en dat is net goed want dêrnei wol der op dat plak gjin plant mear groeie. In protte Berltsumer arbeiders fûnen hjirtroch yn it foarjier wiken oanien wurk troch it hakjen. De opfolgjende jonge gerniers tochten der lykwols oars oer. “Men moat mei de tiid meigean”, waard der sein. It wie de âld-gerniers mar min nei it sin. It wie net tsjin te hâlden troch de komst fan de freesen en de trekkers. As ik no sjoch wat foar grutte gefaarten no op it lân ride, tink ik wolris: dit moasten dy âld-gerniers no nochris sjen. Hja hienen hjir stien gien te gûlen. Sels de ûnsljochtens yn it lân waarden sljochtte, want der mocht gjin wetter op it lân stean bleauwe. Alles giet der no folle rûger om en ta.
(Sjoch foar mear hjiroer op side 1593 yn de e-book)
DE BERLTSUMER “LONSDALERS” fan om 2005 hinne.
Healwei april 2005 makke de kleankeaten London Moade bekend, dat it stoppet mei de ferkeap fan “Lonsdale” yn Nederlân fanwege de assosjaasje mei rjochts-ekstremisten. It merk Lonsdale waard yn Nederlân tsjin wil en tank ferbûn mei neo-nasisme en ekstreem-rjochts dy it merk ta-eigene as in soarte “húsmerk”. BERLTSUM hie yn 2005 in protte mei dit soarte fan jongeren te krijen. Hja wienen in slimme pleach foar it doarp, fernielden en stielen in protte en de plysje hie it der mar drok mei.
(Sjoch foar mear hjiroer op side 756 yn dit e-book.)
ÛNSKULDIGE SLACHTOFFERS.
Sa binne der ek in protte Berltsumers ûnskuldich stoarn. Mar wy as Nederlanners gienen ek altiten net frij út. Tink mar oan de (* folkenmoarden ûnder ús fiere koloniale tiidrek of oan de ûndergong fan it keapfardijskip “De Imhoff”, doe’t de Nederlânske kaptein moedwillich 400 Dútske bemanningsleden, dy’t neat op harren kerfstôk hienen, by Sumatra ferdrinke liet. Dizze genosidedied hôlden de opienfolgjende kabinetten ûnder de pet. Yn desimber 2017 makke de Publike Omrop dit drama iepenbier mei in trijedielige dokumintêre. De Keamer doch der it swijen ta. Noch in aktueel foarbyld. Ein 1949 droech Nederlân de sûvereiniteit oer Nederlânsk Ynje oer oan Yndonesië. Lykwols net – in hurde eask fan Nederlân – oer Nij-Guinea. Dêr binne de Papoe-a’s it lânseigen folk. It eilân, 14 ris Nederlân, waard ûnderdiel fan it Nederlânske Keninkryk en it Nederlânsk waard de fiertaal. De Papoea’s soenen yn de takomst ûnôfhinklikens krije. Nederlân kapitulearre lykwols foar ynternasjonale presje en droech yn 1962 Nij-Guinea ek noch oer oan Yndonesië. It rûn neffens in protte omstanners út op in “slow motion-genoside”. Hûnderttûzen- en Papoea’s binne fermoarde, it lân waard brânskatte en minskenrjochten bestean der net. En de Twadde Keamer? Gjin brultsje. Hâld him oant hjoed de dei East-Ynjes dôf. Dêrom is okkerlêsten in Boargerinisjatyf startte. Om ek dizze genoside op de Keamerwurklist te krijen.
(Sjoch op side 278)
(* In ôfgryslik Nederlânsk foarbyld : it útroegjen fan de befolking fan de Ynjeske befolking fan de Ynjeske Banka-eilannen. Dit barde yn 1621 op befel fan de doetiids gûverneur generaal Jan Pietersoan Coen. Op dy eilannen woeks nútmuskaat en foely. Coen woe mei genoside berikke dat de lukrative hannel dêryn foarbe- hâlden wurde soe oan in Nederlânsk monopoly en dat is him slagge. Hy wurdt no noch “eard” mei in stânbyld.
“SILEN YN STÂN HÂLDE!”.
Yn in midiuwske âld Fryske tekst stie te lêzen: “ Hwet hagen wi mar to dwane?” “ Silan tho hlidiane”. (“Wat hawwe wy mear te dwaan?” “ Silen (slúzen) yn stân hâlde!”). De striid tsjin it wetter is al sa âld as de boppewei. Yn de nacht fan 24 op 25 desimber 1717 stie der in alderferskuorrende stoarm yn it Noardseegebiet. As gefolch fan de stoarmfloed joegen diken yn it noarden fan Fryslân, Grinslân en Noard-Dútslân it oer. Yn it hiele gebiet kamen 13.300 minsken om. Yn Fryslân, en dan benammen yn it noardeasten, wienen der 150 slachtoffers. Ternaard telde de measten mei 31. Yn it Grinzerlân wienen der folle mear: 2276. Fierdersoan rekken dêr oan fee 11.666 hoarnbisten, 3200 hynders, 1305 bargen en 21.214 skiep dea. Dy grutste natuerramp út de achttjinde iuw joech de triuw om it Dokkumer Grutdjip oan de Lauwersseekant ôf te slúten. Dy iepen seeferbining nei Dokkum ta ferge in ûnbidich soad ynspanning om de diken op hichte te hâlden. (Dokkum hie ek in see-admiraliteit.) By stoarm makke, en dat hie de krystnacht fan 1717 sjen litten, it streamgebiet fan it Djip it efterlân tige kwetsber. Neffens it ûntwerp fan de Ljouwerter Willem Loré begûn Claes Balck yn 1725 mei it bouwen fan in sylkonstruksje eastlik fan Ingwierrum. Fjouwer jier letter wienen de trije silen klear. (De Dokkumer Nije Silen) Dit wie destiids foar dy tiid in tige grut wrâldwûnder!! Oant de ôfslúting fan it wetter wie midden yn Dokkum De Syl dy’t it sâlte seewetter foar it efterlân opkearde. Yn it sintrum fan ‘e stêd, fuort foar it âlde stêdhûs oer, hjit de brêge oer de Ie noch altyd De Syl. De Nije Silen hawwe as seekearende konstruksje harren funksje yn 1969 ferlern doe’t de dyk om de Lauwerssee hinne ticht wie. BERLTSUM hat ek in seesyl by de haven hân yn de griene hegedyk (seedyk) yn de Hemmemapiip. (“in dy fen van die Zylroede op het noord van BERLCKUM”) Dizze syl sil letter, nei it ynpolderjen fan It Bilt, in binnensyl wurden wêze lykas de Wiersyl. De Âldebiltsyl waard doe de nije bûtensyl. De syl by Âldeleie moast ûnderhâlden wurde troch de doarpen Stiens, Feinsum, Hijum, Hallum, Marrum en Wester-Nijtsjerk.
(Sjoch op û. o. de siden 372 en 919 en ek by “Baas Krelis” út Âldebiltsyl (timmerman Krelis Annes) yn dit e-book.)
MEI PAKE WATSE NEI DE LJOUWERTER FREEDSMERKEN.
Op freed gienen in protte Berltsumers mei de LABO-bus nei Ljouwert nei de feemerke, mar ek guon jirpelhannelers, as yn it lêstoan noch Cornelis Sybrens van Gelder (1902-1980) troud mei Trijntje Veldstra, út de Smidssteech, no de Ramshoarnstrjitte neamd. Hy wie ien fan de lêsten dy’t op de Berltsumer merke stie. Lêstneamde stjoerde syn negoasje al foarút mei de boade-tsjinst of in oare karrider. Froulju besochten meastal de freedsmerke op it Saailân, mar ek de manlju koenen dêr terjochtte foar in protte saken. Yn de winkel fan Auke Rauwerda oan de Westersingel, wêr’t gjin nee te keap wie, wie it dan in drokte fan belang. Dizze winkel hie foaral in protte ark te keap op it mêd fan lân– en túnbou. Yn de kafee’s oan de Langemarktstraat waard in protte hannele en de keaplju rûnen om mei in protte jild yn ‘e bûse. Prúmtabak of in sigaar yn ‘e mûle, de measten fan harren smookten en joegen wol sigaren of sigaretten fuort, seach ik, dit om de geunst fan in keaper te winnen. It wie in gesellige boel. Ik bin der wol faker mei myn pake Watse west. Ûnder yn de winkel fan V & D (Vroom & Dreesmann) oan de Nijestêd koe men ek gesellich sitte. Myn pake trof dêr ris Mulder van Leens Dijkstra mei syn eks-frou. “Jimme hjir” hearde ik him, as boike, noch sizzen. Hy wie ferheard, seach ik wol. Ik koe it stel net. “Wy hawwe in heuchlik feit te fieren”, wie syn antwurd. “Wy binne nammentlik hjoed 25 jier skieden, Wâtse”. (dat wie yn 1929) Letter hearde ik by pake thús, yn de Bûterhoeke, it hiele ferhaal dit oangeande doe ’t myn pake dêroer yn petear rekke mei beppe Alida. Boer Mulder van Leens Dykstra (1894-1976) wenne op Mooije Peal op de pleats “De Winkel”. Syn frou wie net maklik yn de omgong. Hy waard letter ûnder kuratele steld omdat hy tige oan de drank rekke wie. Syn soan Kornelis wenne dêrnei op de pleats. Dy wie in grut korrespondinsje schaker. De foarâlden komme fan BERLTSUM en hawwe hjir yn BERLTSUM no noch in protte grutte en hege grêfstiennen byinoar op it tsjerkehôf lizzen. Sels syn pakesizzer Winda Renie Mulder van Leens Dijkstra, berne op 15 juny 1945, dy’t toskedokter wie yn Grins, leit hjir no, as sibbelid, ek wer begroeven. It kweekte jirpelras “Winda” is nei harren neamd.
(Mear hjiroer is te lêzen yn dit e-book.)
DE VRIJWILLIGE LANDSTORM
Yn 1939, it jier wêryn’t de Nederlânske kriichsmacht mobilisearre waard yn ferbân mei it útbrekken fan de Twadde Wrâldoarloch, bestie de Frijwillige Lânstoarm út rom 90.000 frijwilligers. Hjirfan wurdt de helte mobilisearre. Yn de maaiedagen fan 1940 leverden se striid en moasten de ienheden de nedige sneuvelden beskrieme. Troch de Dútske besetter waard yn 1940 de Nederlânske kriichsmacht, ynklusyf de Frijwillige Lânstoarm, opheven. De Lânstoarm Nederlân dy’t ûnder de besettingsperioade bestie, hat neat te krijen mei de Frijwillige Lânstoarm fan de Keninklike Lânmacht yn de perioade 1914-1940. De Dútske besetter misbrûkte de fertroude namme foar eigen doeleinen. Nei de oarloch waard yn Nederlân de Nasjonale Reserve oprjochtte.
(Sjoch foar mear oer dizze frijwilligers op û. o. de siden 38 en 854 yn dit e-book.)
DE MEMMESTJERTE.
In protte kreamfroulju kamen ûnder of nei it swierwêzen te ferstjerren. De memmestjerte of kreamfrouljusstjerte kaam yn it ferline in protte foar omdat men de oarsaak net wist. It rûn somtiden wol oant tweintich persint út. Neidat Semmelweis, Lister, Pasteur de oarsaak ûntdutsen, kaam der ferbettering yn. De hannen waarden wosken yn gloarkalk, de feroarsaakjende basil waard fûn en yn de sikehúzen waarden de kreamfroulju folle better behannele. Men kaam ek hieltiten mear te witten oer it minsklik lichem en dus ek oer de limoer. It te hôf bringen fan deaden waard om 1400 hinne yn doeken dien. Letter waarden de earmen yn in lekken begroeven. Begoedige lju lieten in deadshimd naaie fan fyn linnen, dat meastal yn in kast of kiste klear lei. Letter kamen de deadskisten yn ‘e moade. Doe’t de begraffeniswet op 10-4-1869 ta stân kaam moast eltse ferstoarne persoan en eltse deaberne poppe yn in slutende kiste begoeven wurde. Meastal waard it deade bern op de rjochter earm fan ferstoarne kreamfrou lein. Wie it in twilling, op eltse earm ien. Allegear yn ien deadskiste. Sa bgl. ek de 29 jierrige Trijntje Koopmans, de frou fan Sikke Sijmons Lautenbach, stoarn op 8-9-1919 te BERLTSUM, mei harren op 8-9-1919 deaberne twilling, in jonkje en in famke. (Yn de sibbe komme folle twillingen foar.)
(Mear hjiroer op û. o. de siden 286, 695, 926 en 1029)
KLAAS RINZES DE GROOT
Fan de Berltsumer boer Klaas Rinzes de Groot, berne op 5-11-1795, as soan fan Rinze Anskes en Maartje Klazes de Groot, doopt op 13-12-1795 en stoarn op 17-2-1885 is in berteleppel bewarre bleaun. (Sjoch foar mear oer him op de siden 801, 802 en 803 yn dit e-book.)
DE TSJERKE YNGONGEN
Neffens foarskriften hienen de tsjerken trije yngongen. Dy sil de eardere Berltsumer Krústjerke ek hân hawwe. Sa is it my lykwols ek oerlevere. Der wie ien oan de Súdkant, ien oan de Westkant en ien oen de Noardkant. It tsjintwurdige tsjerkepaad nei de grutte yngong op de Eastkant fan de Koepeltsjerke is pas oanlein nei de bou fan de Grutte Konsistoarje yn 1908. Hjir op de Eastkant wienen ek grêven mei gjin grêfstiennen. It paad rûn mear súdliker en behearde, krekt as no noch, ta de omgong fan it tsjerkehôf. Yn de haach dêr is en wie in trochgongspaad dy’t ôfsletten wie mei in los houten stek. Dit paad rûn nei de Foarsteleane ta (no de Hôfsleane neamd) tusken de eardere hege garaazje mei boppewente fan Cor Rotgans (húsnûmer 60) en Hôfsleane húsnûmer 58 troch. De trochgong yn de hage mei, neffens âld rjocht fan tagong, net ôfslúten wurde en moat dus iepen bliuwe. Ik sjoch, as boike, de houten hikke dêr noch yn de hage hingjen. Der wienen doe ek al gjin hikkepeallen mear. My waard ferteld dat de Dykstra boeresibbe fan Menaam der fanâlds ek paad lâns hie. Of it wier is wit ik net. Men koe dus fia dit boppeneamde paad fanôf de Hôfsleane troch de tsjerkehôfshage de Súdlike yngong fan de eardere Krústsjerke berikke. Dizze Súdlike yngong wie der ek wer opnij by de Koepeltsjerke. Dizze yngong is tichtmitsele nei de bou fan de Lytse Konsistoarje oan de Koepeltsjerke yn 1924 troch timmerman / oannimmer Pieter Lolkes Lolkema (myn âld-omke). Men wol wol hawwe dat de trije eardere tsjerkedoarren ferwize nei de “Hillige Trije-ienheit”. De âlde tsjerken, dy’t om en de by it jier 1000 boud binne, hienen neffens de foarskriften in Noarder-, Súder- en Westerdoar. It alter stie op it Easten en dat gebiet mocht net troch it gewone tsjerkefolk berûn wurde. Meastal waard de Súderdoar oan de leiside brûkt. Neffens guon skiedkundigen wie de Noarderyngong ornearre foar de froulju en de bern en de Súderyngong foar de manlju. Troch de Westerdoar waarden de offerjeften binnenbrocht. Dizze aparte yngongen geane tobek op de âld-Joadske en âld-Kristlike opfettings en skied de manlju en de froulju. Dit bart yn de Synagoge no noch. Yn de Koepeltsjerke hat it noch lang de tradysje west dat de manlju yn de banken sieten en de froulju yn it midden op de stuollen. Yn myn feintejierren is dy tradysje hieltiden minder en minder wurden. Yn Germaanske lannen as bgl. Ingelân, it lân fan tradysjes, fine wy ek Noarder-en Súderyngongen. De Germaanske heidenske timpels hienen Noarder- en Súderyngongen. Dizze tradysje kin dus ek te krijen hân hawwe oan dizze heidenske timpels. Paus Gregorius de Grutte (590-604) skriuw dat de âlde ôfgodstimpels net ôfbrutsen wurde moasten, allinne de ôfgodsbylden. Troch it besprinkeljen mei wijwetter en oanpasjen oan de Roomske leare koenen dy âlde timpels wol wer brûkt wurde. Yn Itaalje is dit bygelyks ek in protte bard, haw ik wol sjoen op ús reizgjen troch de Súdlike lannen fan Jeropa. In protte tsjerken steane der no ek noch op plakken wêr’t earder âlde heidenske timpels stienen. De (fakentiden lytse) Noardlike yngong waard wol de “Noarmannepoarte” (yn it Frysk de Noardske doar of de Dûvels doar) neamd. Hjir geane allegear ferhalen oer. Ik wit net wat ik hjir fan leauwe moat, mar ien ding is my wis, doe’t ús âlde tsjerken boud waarden wienen de Noarmannen (Wytsingen) allang net mear yn ús lân. As men Lang en Kalma leauwe mei wienen de Noarderdoarren oarspronklik ornearre foar de froulju en de bern en de Súderdoarren foar de manlju. In dopeling kaam yn BERLTSUM troch de manljusdoar ta de tsjerke yn, dus flak by de dooptún en waard dêrom ek wol de “doopdoar” neamd. De Noarderyngong waard ek wol de “dûvelsdoar” neamd omdat men hjir yn dizze omkriten leaude dat it kwea út it Noarden kaam. (die it tinken oan de eardere Noarmannen?) Yn Israël (neffens de Bibel) dêrtsjinoer wie it tinken dat it heil út it Easten (de Sinne) en it kwea út it Westen (de See) kaam. De Haadyngong fan no fan de Koepeltsjerke is dus letter pas de “echte” Haadyngong wurden.
De Noardportyk, wêr’t de opgong nei it oargel is, waard yn it ferline û. o. ek wol brûkt as opslach fan turf en as kistehok. Yn de winter helle de koster of stovesetter hjir dan de turf foar de tsjerkestoven wei. De oargelist moast dus troch it “turfhok” om by it oargel te kommen. Nei de komst fan de sintrale ferwaarming yn de tsjerke (in buizensysteem) kaam dizze romte wer frij as Noarder yn- en út- gong. Dizze portyk wurdt no allinne noch brûkt by it útgean fan de tsjerke.
Koster Hendrik Lourens Zwart koe hjir ek wakker oer fertelle. Wy mochten no en dan ek wolris mei him op de toer as de flagge út moast op de feest- en betinkingsdagen. Yn it foarjier hienen wy wolris jonge koartwike roeken, boppe út de toer, oan hûs. De bisten koenen soms tige lang mei jin befreone wêze. As it foarjier wer yn oantocht wie giene se dochs leaver mei soartgenoaten op en paad en wie de leafde ienienen samar wer oer.
Hendrik Zwart hat noch jierren lang giele stientsjes opdolven op de súdkant fan de Koepeltsjerke dy’t ôfkomstich wienen fan it eardere tsjerkepaad dêr, hat hy my wolris ferteld. Ek in âld-boer, ik wit de namme net mear dy’t hy neamde, wist him noch in protte oer it ferline te fertellen. Dizze boer wenne oan de Wiersterdyk, fertelde hy, as it my noch heucht. It sil boer Pieterzen west hawwe kinne of boer de Groot, tink ik. Beide boeren harren heit binne hjir ek tsjerkfâd west.
Op it tsjerkehof leinen of stienen hjir yn it ferline hast gjin grêfstiennen. Der wienen net folle minsken dy’t dizze stiennen betelje koenen. In protte arbeiders koenen de begraffenis amper betelje, lit stean in stien. Somtiden stie hjir en der wolris foar koartere of langere tiid in houten krús(ke), mar dat wie dan ek alles. Dat wie sels yn it begjin fan de tritiger jierren fan de foarige ieu noch sa, dêr binne wol foto’s fan. Grêftrommels hawwe ek in skofke yn de moade west.
De grutte en lytse tsjerkestoven hawwe noch jierren lang by timmerman/oannimmer Pieter Lolkema op de Terp op de souder boppe de timmerwinkel lein. De griene têsten, dy’t yn de stoven sieten, stienen letter noch in protte by de minsken yn it finsterbank, meastal mei in blomke deryn. De stoven, guon mei in izeren plaat mei rûne gatsjes dêryn, waarden wol beskildere mei Hylper skilderwurk en as pronkstik yn de keamer delset. Beskildere koalekitten en turfbakken waarden ek wol brûkt as paraplubak en stienen dan yn de gong of yn de hal fan it hûs te pronkjen. Yn de 60-tiger jierren fan de foarige ieu kamen der noch mear by nei de komst fan it ierdgas, nei de fûnst fan de grutte gasbel by Slochteren yn it Grinzerlân.
(Sjoch de siden 267, 338, 428, 810 en 811 yn dit e-book.)
BERTELEPPELS, TROUW- en ROULEPPELS, RINKELBELLEN ensafuorthinne.
It jaan fan berteleppels fûn it meast plak yn N. W. Jeropa en it meast yn Fryslân, it Grinzerlân, East-Fryslân en Noard-Hollân (West-Fryslân), mar ek de oan ús Friezen fanâlds besibbe Ingelsken kenden dit brûkme. De âldsten berteleppels komme sels út it Ingelân! It wienen ek fakentiden bysûndere gelegenheidsleppels. De bedoeling wie fansels om in omtinken fêst te lizzen. Woltierige minsken jûchen meastal de djoerdere sulveren leppels en de minder begoedige lju ek wol gewoane mindermoaije en minderdjoere sulveren leppels of guon fan tin of brûns mei in ynskripsje dêryn. Tsjintwurdich jouwe pake en beppe noch wolris in berteleppel oan de pake en beppesizzers. (dat hawwe wy lykwols ek dien oan de ienige twa fan ús.) De oarsprong fan sa in leppel jaan leit yn de Roomske tradysje. Wy, de skriuwer fan dit e-book cum uxore, hawwe in sulveren taartfoarke mei dêrop op it ein fan de stâlle de Ljouwerter Waach ôfbylde - wy binne yn Ljouwert troud - en dêryn binne op de efterside de beide nammen en de troudatum oanjûn.
Rinkelbellen waarden in protte jûn troch de met-âlden (pleechâlden/peetâlden). It peet-âlder- skip wie bedoeld om by need it âlderskip fan de heit of mem of fan beide oer te nimmen. It met-âlderskip (peet-âlderskip, peet-omke/ peet-bern) waard yn 813 troch de Roomske tsjerke op in tsjerkegearkomste ynfierd yn Mainz. Wa kent net de sizwize: “Elts hâld syn rinkelbel” d. w. s.: dat wy allegearre bern bliuwe, ek al binne wy folwoeksen. Rinkelbellen waarden ek in protte fan sulver makke, no ek in protte fan keunststof. It rinkeljen moast it bern beskermje tsjin kweade geasten. Sa’t ek it lieden fan de tsjerkeklok kweade geasten fuorthâlde moast. Op âldjiersdei wurdt no noch in protte lawaai makke om it yngean yn it nije jier fan kweageasten tsjin te hâlden. Wy treffe ferskate eleminten oan út oare kultueren. Sa sitten oan de Thora ek ferskate skeltsjes as beskerming tsjin kweade krêften. Yn Exodus 28 lêze wy fan gouden rinkelskeltsjes yn it rûnom oan de seamen fan hegepreesterklaaijing om it net-stjerren tsjin te gean as hy by it tsjinjen God moetsje soe. Rinkelbeltsjes moasten it bern beskermje tsjin it kwea en de dea. Ek ús beide bern hawwe by de berte elts in sulveren rinkelbeltsje mei ynskripsje krigen, allinne wit ik net mear fan wa, myn tinken is fan ien fan de beide pakes en beppes. Net by de doop, want beide jonges hawwe harren letter tegearre tagelyk folwoeksen doopje litten hjir yn BERLTSUM yn de Koepeltsjerke.
(Sjoch û. o. de siden 932, 1390, 1714 en 1762.)
“AS DE NATUER ARBEIDET, STIET IT FERSTÂN STIL”.
Al earder waard yn dit e-book skreaun dat in protte froulju yn BERLTSUM in ‘njoggen moanne’ boekhâlding byhâlden. It wie in protte út nijsgjirrigens fansels. As men trouwe “moast” waard dit as in “sûnde” beskôge. Wie men lid fan in tsjerke dan moast men yn it iepenbier foar de gemeente skuld beliede, letter barde dit meastal allinne foar de tsjerkeried (wêrfan fakentiden guon fan harren earder ek al trouwe “moasten”). Yn de Bibel lykwols wurdt nearne sprutsen oer it trouwe “moaten”. De “skande” wie meastal, dat de âlden foar de kosten oprûnen. It jonge stel wie der fakentiden net op taret. Der wie meastal noch gjin hûs en der kaam net genôch jild binnen om yn eigen ûnderhâld te fersjen. It jonge stel kaam út need dan gauris by de âlden yn te wenjen dy it ek al net rom hienen. Ek nettroude froulju mei in oerwûn bern kamen meastal yn swierrichheden. Om de “skande” yn eigen wenplak te ûntflechtsjen gie men meastal nei in oar doarp of stêd en waard men húshâldster by in widner of frijfeint om sa troch de tiid te kommen. En faak rûn it wol út op in trouwen as men it goed meiinoar fine koe. Sa binne hjir yn BERLTSUM yn it ferline ek froulju hingjen bleaun, kommende fan oare doarpen. Yn de oarloch, troch de Dútsers en by de befrijing fan Nederlân troch de Kanadezen, binne ek in protte fereale Nederlânske froulju swier rekke. No binne in protte bern tsjûge fan it houlik fan beide âlders ... ... as hja noch trouwe. It “frjemd gean”, wat hjoed de dei hjir op grutte skaal plakfynt, bin ik yn de notulen, foar safier it my heucht, mar in inkelde kear of inkelde kearen tsjinkommen yn de âlde tsjerkeboeken fan de tsjerkerie (it konsistoarje) fan BERLTSUM.
(Sjoch de siden 1074, 1210, 1496, 1496, 1526, 1612 en 1686.)
Trouwens de Oranjes koenen der ek wat fan, bgl. Frederik Hendrik (earder al bij in freondinne), Prins Hendrik (troud), Prins Bernhard (troud), de soan fan Prinses Irene, t. w. Carlos de Bourbon de Parma (earder by in freondinne), om mar in pear nammen te neamen. (Sjoch op GOOGLE: Willem “Gorilla” van Nassau, het beest der beesten – Paleo.nl ) De eardere kastielhearen hiel faak by it eigen persoaniel en pastoars, wêrûnder bgl. de BERLTSUMER pastoar Sibrandus Leo, (letter yn Menaam) hienen bûtenechtlike bern, wat harren troude en de dêrnei troude froulju mar tolerearje moasten. Rang en stân seit neat. It is fan alle tiden blykt út stambeamûndersyk. As in netbekende heit letter fûn wurdt is dit foar in protte bern in grutte ferromming.
BYLEAUWEN, SPOEKEN, KWEAGEASTEN.
Byleauwen of ek wol neamd it folksleauwen of alternatieve religieuzens is in net op godtsjinst of wittenskip basearre leauwen. Men leauwt dat eat feroarsake wurde kin troch boppenatuerlike krêften of machten. In protte brûkmen moasten dy krêften, safolle as mar mooglik wie, tsjingean of bystjoere. Wa wit net fan it ûngeloksgetal 13, de ljedders, it klaverke fjouwer, it hoefizer, de spiegels, it trijeris omgean fan it tsjerkehôf ûnder it kloklieden en gean sa mar troch. Ek bisten as swarte katten, flearmûzen etc. etc. koenen ûnheil bringe leauden in protte minsken. Sa leaude myn oerbeppe Boatsje noch oan spoeken. As it dêroer gie, sei hja fakentiden: ”t is echtwier bard, Hendrik!” Wy moasten dan laitsje, fansels. Myn heit dan wer: “Doe’t it nijljocht kaam (it elektrysk ljocht) doe binne de spoeken ferdrean”. In eardere kollega fan my soe nea harren trouring ôfdwaan. Inkelde Berltsumers wienen ek nochal byleauwich, heucht my noch. Ek guon Berltsumers skodden de holle doe’t wy oanjoegen dat wy op Freed de trettjinde yn Augustus trouwe soenen. Doe’t wy yn Ljouwert nei it Stêdhûs opstapten, wiisde ien fan my kollega’s út it Hearrenfean nei in ljedder dy’t by it kofjehûs rjochts fan it Ljouwerter Stêdhûs by de muorre opstie. “Tink erom, dêrrr net ûndertroch rinne hear!” “Dat bringt ûngelok!” As boartsjende bern dienen wy wolris in wyt lekken om en rûnen dan by nacht al kritend it tsjerkehôf yn it rûn, mei al hin en wer slingerjend, in útholle sûkerbyt en dêryn in brânnend kearske. Ik sjoch dat de Berltsumer bern fan hjoed net mear dwaan. Se rinne no oerdei en jûns leaver mei in mobile tillefoan yn ‘e hân en sykje oare goede en kweade ferbinings. Spoekjende riders binne spitigernôch noch wol bestean bleaun. Ek hjir yn BERLTSUM. Ik ha it sels ûnderfûn, al ridende op de fiets tusken BERLTSUM en Sint Anne.
(Sjoch foar mear hjiroer by: “BERLTSUM boppe, BERLIKUM yn ‘e groppe”. Spekwurden, sizwizen ensafh. yn dit e-boek neamd op de foarside yn dit e-book. Ek aardich om ris troch te lêzen.
ROORDA THOE BERLIKUM en SPANNUM
SCHWARTZENBERG thoe HOHENLANSBERG.
Sjoch hjiroer yn dit e-book op side 10. In pear 100 jier letter: .... As harren beppe Doedt van Cammingha stjert yn 1590 erft Doedt van Holdinga (1560-1646) dit Roorda erfguod yn Spannum en nei it ferstjerren fan harren heit, Wilcke van Holdinga yn 1595, neist Ysinga (Eysinga) State te Rinsumageast ek de Holdinga Boarch te Anjum. Hja waard dêrtroch tige ryk en troude mei de ek tige rike Keimpe van Donia, (sjoch op side 716) dy’t eigner wie fan Hemmemastate by Menaam (Bitgum). Se wie de rykste frou fan Fryslân mei it skatte fermogen fan sa’n 700.000 gûne, no omrekkene wol 140.000.000 euro. Nei it ferstjerren fan Keimpe van Donia troude Doedt mei Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1549-1633). Harren soan Johannes Onuphrius thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1600-1653) waard yn 1627 ta grietman fan Eastdongeradiel beneamd en wenne hy op Holdinga, dit oan syn dea ta yn 1653. Johannes Onuphrius wie in sûplap. Hy mocht graach in slokje en waard om die reden alris fan it Hillich Nachtmiel útsletten doe’t hy noch yn Bitgum wenne. Mooglik wie dit dêr de oarsaak fan dat hy nochris al wat fisioenen seach. Hy seach dan de dûvel yn gedaanten fan katers, fleermûzen etc. skriuwde hy yn syn deiboek. (Sjoch op dizze side it hjiroan foarôfgeande oer spoeken en kweageasten). Syn ienige soan Georg Wilco (1637-1674) dy’t noch mar 16 jier (!) âld wie en letter troude mei Helena Maria thoe Schwartzenberg (1646- ?), folge him yn 1653 op as grytman fan Eastdongeradiel. Yn dy tiid hat hy yn dy hoedanichheid in protte foar de Wettersteat dien, ûnder oaren in nije slús by de Eanjumer buorskip Ezumasyl kaam yn 1672 mei ûnder syn lieding ta stân. Dus al fier foar de bou fan de Dokkumer Nije Silen. Dy fan no út 1931.
(Sjoch op side 1761 by de Dokkumer Nije Silen yn dit e-book)
********************
Dat de STEATEN fan FRYSLÂN destiids ek noch wat oer de tsjerken te sizzen hienen blykt út it REGISTER der Resolutiën en Placaaten van hun edelmogende Heeren Staaten.
DE KERKVOOGDEN van Beetgum, WIER en BERLIKUM haar verzoek ontzegt wegens betaalinge van ‘t aanpart in twee Propijn door de gezaamentlijke Bildmeijers aan den Lande moetende worden betaald, en dat uit hoofde van de zoogenaamde buure Fenne op ‘t Bild gelegen, en aan de Kerkvoogden van voorschreeven Dorpen toebehoorende,
Den 9 Maart 1732.
GEACCORDEERT aan de Armenvoogden van BERLIKUM, te mogen heffen eene belasting tot onderhoud der buitenarmen.
Den 26 Februari 1754.
TOT OPBOUW van een nieuwe Kerk te BERLIKUM 100 Ducatons uit ‘s Lands cas geaccordeerd.
Den 11 Maart 1779.
LAMMERT IJSBRAND BROUWERS, yn Minnertsgea begroeven,
wie in hanneler en keapman yn flaaks en lynsied. Hy wenne yn de troch him bouwe litten grutte statige wente nr. 78 yn Minnertsgea oan de Haadstrjitte, no neamd de Meinardswei. Hy wie berne te Sint Jabik op 19-10-1812 en troude mei Tietje Dijkstra en dêrnei mei Akke Symons Reisma. It wie in hurdwurkjend en rjochtlinich man dy’t rjocht troch see gie. As syn pachters yn minne jierren de hier net betelje koenen, koe it wêze dat hy harren de pachten kwytskold. Hy hie wol in eigen miening en syn sizzen wie: “It grêf swijt, mar ik swij nea”. En yndie hy sprekt nei syn dea no noch, want syn namme wurdt hjoed de dei noch neamd. Hy wenne letter yn BERLTSUM, is op 29-11-1903 hjir stoarn en wie 91 jier âld. By testamint liet hy de diakens fan Minnertsgea en BERLTSUM elts fl. 2000,- nei, wêrfan fan de rinteopbringst elts jier op âldjiersdei oan alle behoef tige widdowen yn beide doarpen in wite bôle en in healpûn bûter útdield wurde moast. Beide diakoniën hawwe fan it jild in stik lân kocht dat dit pachtjild foar it “Brouwersfûns” opbringe moast. Mocht der nei de útdieling noch wat jild oerbliuwe, dan moast dit jild ek ûnder de boppeneamde widdowen ferdield wurde, stiet yn it testamint. Dit wie foar de earme widdowen fan eartiids fansels in “stik bûter yn ‘e brij”. Troch syn woldiedigens fan destiids, “sprekt” hy no noch altiten oer it grêf hinne. It bekende sibbelid Lammert Simons Brouwers dy’t yn Minnertsgea in bedriuw foar stal ynrjochtings begûn wie is letter nei Ljouwert ta ferhúze ûnder de be –kende namme: L. S. Brouwers Stalinrichtingen.
(Sjoch foar mear hjiroer op de siden 35 en 36 yn dit e-book).
BERLTSUMER ROOTS.
As men yn de krante de namme Leendert Runia lêst dan tink ik al gau, dy hat fêst Berltsumer foarâlden, en dat blykt ek sa. (sjoch yn dit e-book) Hy is berne op 1-3-1955 te Ljouwert en is muzikus en dirigint yn de klassike muzyk. Nei syn oplieding op it gymnasium studearre hy oan it konservatoarium yn Grins en oan de Musikhochschule yn Freiburg. Hy rjochtte yn 1984 it Noardlik Vokaal Ensemble op wêr’t hy direkteur fan is. Ek dirigearret hy û. m. it Bachkoar en it Noard Nederlânsk Konsertkoar. Leendert is as dosint ferbûn oan it Prins Clauskonservatoarium te Grins, is troud en hat trije bern. Dan tink ik: wer in neikommeling dy it fier skopt hat. De namme Leendert komt oarspronklik, fia syn oerbeppe Trijntje by syn bet-oerpake Leendert Jaspers van den Akker wei, berne te WIER.
NUTTIGE HÂNTWURKEN.
Breidsje, naaie, borduerje, hake, hoasen en sokken stopje, dat wie eartiids ien fan de taken fan de húsfrou en wie typysk froulike warberens. Dit fak waard meastal thús fan mem op dochter oerbrocht. It “Nut” hat in protte naai- en breidskoallen oprjochtte. Hjir yn BERLTSUM hat ek sa’n naai- en breidskoalle bestien. Yn de Leger Ûnderwiiswet fan 1878 waard it hântwurkjen op de skoallen as leerfak ferplicht steld. Omdat der gjin hantwurkpersoniel mei dit foech beskikber wie, stelde men net-kwalifisearre froulju oan dy’t bedreaun wienen mei nudle en tried, Probleem wie dat dizze hântwurkjuffen gjin didaktyske en pedagogyske kundigens hienen. Opmerklik wie dat it haad fan ‘e skoalle “krachtens zijn opleiding en aard” fanôf 1878 ek it foech krige yn alle skoalfakken les te jaan, dus ék yn de fakken dêr’t de breidpinne, de haakpinne en de nudle hantearre wurde moast. In net-natuerlike situaasje fansels. (De ferplichting waard yn 1974 ôfskaft.)
As de famkes de middeis hantwurkjen hienen, hienen de jonges it fak tekenjen. Yn de simmer, as it droech waar wie, moasten de jonges fan de 5de en 6de klas nei it Wardy sportterrein oan de Biltdyk om te keatsen. Ik fûn it mar neat, want ik bin alhiel gjin sportman en ha neat mei sport. As it dan in reinige middei wie fûn ik dat prachtich, want ik hie mear noch oan tekenjen.
De lêste generaasje, wêr’t myn frou tabeheart, hat op de legere skoalle noch letterlapen meitsje moatten om bedreaun yn it hântwurkjen te wurden. Guon hingje by ús no yn ’e hûs en de bern hawwe elts ek in letterlape krigen en de bernsbern by de berte wer oar borduerwurk. (Sjoch foar mear hjiroer û. o. de siden 823, 977, 1058, 1209, 1494, 1714 etc. yn dit e-book) Tsjintwurdich krije op de legere basisskoalle sawol de jonges as famkes no les yn hânfeardigens. De nuttige hantwurk lessen foar famkes waarden yn 1974 ôfskaft.
TSJERKLIKE GRINZEN BERLTSUM – SINT ANNE.
Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 tusken de gemeenten Menameradiel en It Bilt behear de in part fan BERLTSUM ta it doarp Sint Anne. De bewenners fan de op it Bilt steande húzen oan de Bitgumerdyk en de Biltdyk wennen yn Sint Anne ûnder BERLTSUM, sa wie de adressearring. It Berltsumer súvelfabryk stie offisjeel dus ek yn Sint Anne. No hjit dit part fan BERLTSUM “De Hoven” mei strjitten as Parrehôf, Appelhôf, De Keats, De Opslach etc.
Op tsjerklik mêd wie it sa regele dat de tsjerkegrinzen tusken de beide doarpen ek sa rûnen. Sa waard in Berltsumer tsjerkfâd ris net wer keazen omdat hy no yn Sint Anne ûnder BERLTSUM wenne. Hy waard dus automatysk lid fan de Herfoarme tsjerke fan Sint Anne. Dêr moast de tsjerklike bydrage no ek betelle wurde. Wol koe hy as gastlid hjir de tsjerketsjinsten besykjen bleauwe. Dit wie guon tsjerkeleden soms mar min nei ’t sin fansels, mar it wie net oars. De oarsaak wie ek hiel bysûnder. It Bilt wie nei it ynpolderjen in nije gemeente wurden mei in eigen bestjoer en úteinliks ek in eigen boargemaster. As der feesten hâlden waarden yn BERLTSUM op ien fan de beide sportterreinen oan de Biltdyk gie de fermaaklikheidsbelêsting op de yntreekaarten dus ek nei de gemeente It Bilt.
Om wer op de tsjerke werom te kommen, op it Bilt wie it sûnt 1752 de regeling dat it jild foar it traktemint foar de Herfoarmde dûmnys en foar it ûnderhâld fan de tsjerkegebouwen opbrocht wurde moast troch de grûneigners. In protte fan harren wegeren dizze belêsting te beteljen. Doopsgesinden en Roomskgesinden hienen ommers harren eigen tsjerken. De Herfoarmde tsjerkfâden fan Sint Anne, Sint Jabik en Froubuorren lieten it der net by sitte en woenen harren twinge om dochs oan harren ferplichtings te foldwaan. It gie sels oant de Hege Ried ta, mar ferlearen de striid úteinliks yn 1863. De oant no ta beteljende grûneigners betellen no ek net mear, is wol te begripen fansels. De tsjerkebelêstingen brochten tenei te min op om in dûmny betelje te kinnen. Flak dêrnei kaam dûmny A. Wassenbergh yn 1864 te fersjerren. Hy hie hjir sûnt 1825 dûmny west en wie de Grinzer rjochting tadien. It fakante dûmnysplak waard no snein oant snein in protte waarnommen troch de yn haadsaak frijsinnige dûmny’s út de omkriten (de Ring Stiens) fan Sint Anne. De rjochtsinnige tsjerkeried koe oars net dwaan as de rjochtsinnige gemeenteleden adfyssearje en besykje dan mar ris sa no en dan de Kristlik ôfskieden tsjerke dy’t koart dêrfoar yn Sint Anne ûntstien wie.
Wat frjemd is, is dat guon ortodoksen nei it Dolearjen wol in nije tsjerke (de B-tsjerke oan it Noordeinde) en in dûmny bekostigje woenen of koenen! De Kristlik grifformearden (ofwol de Ôfskiedenen, de grutste groepearring) hienen earder al de A-tsjerke stiftte oan it Oosteinde yn Sint Anne.) Om dizze beide groepearringen byinoar te krijgen hie nochal wat fuotten yn de ierde. Beide woenen harren tsjerkegebou net opjaan. Úteinliks waard as kompromis de no saneamde Gideonstsjerke boud en folge op 2-9-1925 pas de feriening fan beide groepearringen. (dus fier nei de lanlike feriening fan de beide tsjerken yn 1892) Men wie no folle djoerder út en moasten as lid tenei in grutte tsjerklike bydrage op it kleed bringe. In tige djoer kompromis kin men wol sizze.
De Berltsumer Herfoarme dûmny van Eijck van Heslinga hat as konsulint yn Sint Anne de Herfoarme Van Harentsjerke wer op poaten set, sadat nei 36 jier (!) fakant wêzen fan de tsjerke dêr, wer in nije dûmny beroppen wurde koe. It waard dûmny C. de Vries dy’t op 27-4-1902 troch dûmny van Eijck van Heslinga yn de moarnstsjinst befêstige waard. Dy luts in protte tahearders en de Herfoarme tsjerke fan Sint Anne kaam wer ta opbloei.
(Sjoch de siden 22, 29, 628, 629 yn dit e-book.)
DIRCK JANS KWICKEN (KUYCKEN) (1579 – 1636)
de broer fan Mari Kwicken, berne te BERLTSUM, yn dit e-book neamd, hat in oantekenboek makke oer de perioade 1598 – 1635 wat by tafal, as in grutte ferassing, by it antikwariaat Van Roskam yn Den Haach te foarskyn kaam. Dit boek is lykas it Rekkenboek fan Rienck van Hemmema lokkich ek bewarre bleaun. It soe wêze kinne dat hy les yn lêzen, skriuwen en rekkenjen hân hat fan master Jan Jansz. (ek yn dit e-book neamd) dy’t neist skoalmaster ek lânmjitter en tekener wie en dy’t yn 1570 in oersichtskaart (tekening) fan It Bilt makke hat. Yn Fryslân binne net folle fan dizze boere dei-, kas- en oare boeken bewarre bleaun. Dirck Jans besiet, sa blykt út syn notysjes, û. o. in protte folksliteratuer, lieteboeken en religieuze skriften. Syn foarâlden komme nei alle gedachten fan de Súd_Hollânske eilannen. De kolonisten op it Bilt kamen û. o. út IJsselmonde, Rhoon, Heinenoord, Dordtrecht, Den Briel, Den Bommel, Koudekerk aan de Rijn, Sassenheim en De Meije (of Ameide). Wer oaren út West-Fryslân. Sa kaam bgl. de deftige sibbe KET út Koudekerk aan de Rijn, wêrfan de earste him fêstige yn Sint Jabik. Berltsumer Runia’s en van Tuinen’s hawwe ek in Ket as foarâlder. Dit is de Fryske takke mei as foarheit Dirk Kornelis Ket, berne foar 1465. En dan al dy Berltsumer Wassenaars dy’t ek Súdhollanners as foarâlden hawwe. Guon mei de namme Poelgeest. De foarâlden fan myn pake Jan Arie’s Guldemond (yn dit e-book neamd) binne pas yn it begjin fan de 19de ieu nei Fryslân kommen en komme fan it doarp Leimuiden lizzende neioan it niisneamde doarp Koudekerk aan de Rijn, mar hawwe neat mei dizze Biltse kolonisten te krijen. (De Guldemond’s kamen oarspronklik yn Súd-Hollân oan as flechtlingen út België (Brussel) en de stamheit wie “artillerie fabriceur” ofwol wapenfabrikant). Dirck Jansz. (Kwicken, Kuycken) hat syn heit, Jan Claesz., al betiid ferlern en hie dêrnei as styp-heit Claes Heeresz. Hy troude op 1-3-1608 mei de 17 jierrige Siuw Andersdr. en letter as widner nochris mei Jeck Tjommesdr. en is te Sint Anne stoarn en begroeven yn 1636.
(Sjoch foar mear op de siden 141, 308, 309, 310, 652, 1742 en 1748 yn dit e-book).
Skiedskriuwer PLINIUS (sr.) 23 - 79 nei Kr.
(Sjoch op side 1701 yn dit e-book.)
Plinius fûn folken as de FRIEZEN, Saksen, Kelten en Bataven, dy’t de Noardsee bylâns bewennen, mar ûnbeskaafde en gefaarlike lju. Dit skriuw hy op eigen waarnimmen yn syn 37 dielige ensyklopedy Naturalis historia. Hy foer tusken 46 – 58 nei Kr., as jong offisier, mei op ekspedysjes yn Germania, sa ’t hy de hiele ûnherberchsume Noardseekust omskriuwt. Hy joech syn eagen goed de kost, bygelyks yn it gebiet tusken de Lauwers en de Wezer. Hy hie begrutsjen mei ús foarâlden omdat hja daagliks hieltiten wer konfrontearre waarden mei de floed fan de see. Hja lykje wol op skipbreklingen dy’t fan needs op bulten libje en gjin fee hâlde kinne en ferstiifje reitsje troch de noardewyn. Om 300 nei Kristus hinne rekke it kustgebiet ûntfolke. Nei inkelde ieuwen komme der wer nije folken te wenjen dy’t yn de skiedsskriuwing de namme fan de eardere Fryske bewenners krigen hawwe. Folle earder al, yn de 5de ieu foar Kr., komme wy sitaten tsjin fan de hân fan de Grykske histoarikus Herodotus. Hy seit dêryn: “Oer wat it fierst fuort yn it westen fan Jeropa leit, kin ik neat mei wissichheit sizze”. “Fan gjin inkelde omstanner haw ik ynformaasje krije kinnen oer de see oan de bûtenrâne fan Jeropa.” Wol docht hy syn lêzers te witten dat fanút dy “úthoeke” tin en barnstien nei de beskaafde wrâld skype wurdt. Wy sjogge hjir ek dat de wrâld fan doe folle grutter wie as hjoed de dei. Wat siz ik! Foar in protte Hollanners yn it westen liket “it hege noarden” no ek noch fier fuort. Dit nettsjinsteane dat der yn 1932 in Ôfslútdyk boud is tusken Noard-Hollân en Fryslân. Fan Amsterdam nei BERLTSUM is foar in protte minsken dêr, ek no noch, folle fierder as fan BERLTSUM nei Amsterdam, sa wie myn ûnderfining doe’t ik oant yn de simmer fan 1971, noch yn Amsterdam wenne.
BY NEED EN YN TANKBERENS.
De tradysje fan de kristlike biddagen, tankdagen en fêsteldagen is te werlieden út it Âlde Testamint. Dizze dagen hawwe ek faak in adhoc karakter. Mei de opkomst fan de kristlike tsjerke as steatstsjerke krigen soksoarte mominten mear in offisjele status. Yn de midsieuwen waard der faak glâns oan jûn mei it hâlden fan prosesjes. De grutte tsjerkegearkomst fan de Synoade fan Dordrecht (1618-1619) bepaalde dat der ûnder oarlogen en oare rampen massaal bidden wurde moast. Ek by politike of by ekonomyske tsjinslaggen koenen der biddagen útskreaun wurde. Dit waard fêstlein yn kêst 66 fan de Tsjerke-oarder. Earder wie dit in eksklusieve oangelegenheid fan de oerheid. Dit fûn foar it lêst plak yn 1820. Dêrnei gie allinne oan bûtengewoane bid- en tankdagen noch in skriuwen fan de oerheid foarôf. It wizigjen fan de grûnwet yn 1848 makke ek hjir in ein oan. Bid- en tankdagen foar gewaaks en wurk wurde ek no noch yn BERLTSUM op eltse twadde woansdeitejûn fan maart en op eltse earste woansdeitejûn fan novimber hâlden. By de befrijingen fan ús lân binne der ek tanktsjinsten hâlden. No binne dit mear nasjonale betinkingsdagen wurden. Foar 1945 wie dat op 13 augustus 1813 de befrijing fan de Frânske- en sûnt 1945 op 5 maaie de befrijing fan de Dútske besetting.
(Sjoch op de siden 321, 1267 o/m 1269 by de grutte ierdskodding yn 1755 en letter by de grutte wettersneedrampen yn 1717 en 1953.)
DE PATRIOTTEN
wienen boargers yn de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen dy’t oan it ein fan de 18de ieu demokratisearring stimulearje woenen en oan it absolutisme fan in falende Steedhâlder Willem V., Prins fan Oranje-Nassau, in halt taroppe woenen. Hja easken herfoarmingen yn it bestjoer en begûnen harren te wapenjen (eksersysje groepen) en twongen yn de rin fan de jierren hieltiten mear stêden (w. û. ek de stêd Frjentsjer) ta demokratyske ferkiezingen fan froedskippen en stedsbestjoeren. Yn 1786 en 1787 eskalearre dit konflikt tusken de Patriotten en de Prinsgesinden of Orangisten, sadanich dat der fjochterijen útbrieken en der in koarte boargeroarloch ûntstie. Hjir yn ús omkriten wie foaral de stêd Frjentsjer it mulpunt. BERLTSUM hie ek in eksersysje genoatskip wat hjir in rol yn meispile. Nei it ynroppen fan help fan in leger út Prúsen yn septimber-oktober 1787 folge de Oranjerestauraasje, wêrnei it steedhâlderlik stelsel noch 7 jier fuortsetten wurde koe. Tûzenen Patriotten flechtten nei Frankryk, wêrûnder ek in protte BERLTSUMERS. Foaral nei St. Omar, in stêd yn it noard-westen fan Frankryk, flak oer de Belgyske grins. Nei de sukselfolle ynfal yn de Nederlannen (1792-1795), wêr’t guon fan harren dielnamen yn it Bataafske Legioen, kamen hja werom yn ús lân. De jierren 1780 – 1787, wêryn’t de Patriotten de Nederlânske polityk dominearren, wurdt wol de Patriottetiid neamd.
(Sjoch op side 321, mear hjiroer.)
CASPAR DI ROBLES (1527 – 1585)
ek wol neamd ‘Hear fan Billy’ wie steedhâlder fan Fryslân, Grins en Drinte oan it begjin fan de Tachtichjierrige Oarloch. Op 17-5-1568 kaam hy by Harns as legeroanfierder oan wâl mei sa’n 1800 Waalske soldaten (dy’t hjir destiids yn BERLTSUM ek tahâlden hawwe, sjoch de Robles kaarten fan BERLTSUM en it KLEASTER ANJUM). Doe’t Fryslân op 1-11-1570 troffen waard troch de Alderheljenfloed, dy’t it hiele Gewest oerstreamde en grutte skea oanrjochtte oan de seediken, waarden de Friezen troch him twongen om de seediken te fersterkjen. Dit waard him fansels net yn tank oannommen. Folle letter wie men him hjir dochs tige tankber foar en waard foar him by Harns op seedyk in stiennen byld oprjochtte wat yn de folksmûle de namme “de Stiennen Man” krigen hat.
(Sjoch û. o. de siden 81, 224, 244 o. m. 246, 372, 715, 716 en 1757).
AUKE ADEMA (1907 – 1976)
wûn twarris de Âlve Stêdetocht. De earste kear wie op 20-1-1940 en de twadde kear op 6-2-1941, mar no allinne. De earste kear moast hy de oerwinning diele mei noch fjouwer dielnimmers. By Dokkum hienen hja mei syn fiven ôfsprutsen om yn Ljouwert op de stedsgrêft, by de Âldehou, tagelyk de streep oer te gean. (It saneamde ‘pact fan Dokkum’) Dizze mooglikheid waard letter ferbean. Auke wie berne te Frjentsjer en wenne letter yn BERLTSUM. Hy wie troud mei Grietje Vrij fan BERLTSUM. Hjir wennen hja op de Hakkbakstreek en wienen de buorlju fan myn âlden. Letter wennen hja op de Tichelersdyk. Syn frou wenne letter, as widdo, oan de Lieuwe Minnes Kuperusstrjitte. Auke wie “sa sterk as in dyk”. Yn de hjersttiid wurke hy hjir yn de jirpelloadsen. Hy tilde de baalen jirpels op as wienen it pûdsje sûker. Hy wie net traind op sportskoallen of keunstiisbanen, dy wienen hjir doe noch net. Hy wie traind troch syn wurk. As it begûn te friezen waard hy gauris skille of wer útnoege foar ynterviews op de radio of tillevysje.
(Sjoch de siden 461, 485, 486 en 1618 yn dit e-book.)
DE ONDERGANG VAN DE V.O.C.
Kapitein Uilke Barends (sjoch op siden 1202 en 1221 yn dit e-book) zet in 1794 de terugreis in naar Nederland. De vloot komt aan in Kaap de Goede Hoop, alles verloopt volgens plan. Wat hij niet weet, is dat zijn “Mentor” behoort tot de laatste V.O.C. vloot. De Nederlanders zullen het slachtoffer worden van een slinkse list van de Engelsen. Na jaren van economische misère heeft de V.O.C. grote verwachtingen van de opbrengst van de lading die de 17 schepen aan boord hebben. Commissaris Generaal Sebastiaan Nederburgh rekent op minstens 10 miljoen gulden, het equivalent van zo’n 70,5 miljoen euro vandaag de dag, die de noodlijdende V.O.C. uit het financiële dal moet halen. De Mentor van Uilke Barends is een van de V.O.C. schepen in de vloot. Op 22 november 1794 vertrok de Mentor voor de thuisreis uit Batavia, volgeladen met koffie, peper, foeli, nootmuskaat en Chinees porcelein. Het schip werd met meerdere schepen gekaapt door de Engelsen. Uilke Barends, getrouwd met Petronella Wijbrandi, de te BERLIKUM op 24-4-1763 geboren dochter van de Doopsgezinde predikant Wijbrandi, komt als krijgsgevangene al binnen enkele maanden vrij, maar zo fortuinlijk zijn de meeste opvarenden niet. Voor Nederland was de kaping van de V.O.C. vloot een groot verlies. De vloot bleek de laatste te zijn, die ooit voor de V.O.C. uit zou varen. De Compagnie had geen enkele financiële reserve om het verlies op te vangen en ging ten onder.
Van de 22.000 Friese zeelieden en militairen voeren en vochten tijdens de 17e en 18e eeuw in dienst van de V.O.C., de W.E.C. en de Admiraliteiten.
DS. VINCENTIUS HEMPENIUS.
Vincentius Jacobi Hempenius, geb. te Hempens als zoon van Jacob Canabis, die pachter was een boerderij te Hempens in het midden van de 16e eeuw, trouwde met de Lekkumer boerendochter Trijntje Fockes. In Lekkum boerde Vincentius als predikant en boer. In 1618 was hij voorzitter van de Provinciale Synode van Dokkum en ontstond er tussen hem en de Franeker predikant Artopaeus een hooglopend geschil, dat werd opgelost door Vincentius naar Dokkum en Artopeaeus naar Delfzijl te beroepen (1620). Na verloop van jaren rakelde Vincentius het geval weer op, waardoor hij in hevig conflict kwam met de gemeente Dokkum. De kerkeraad bracht in 1633 een beroep uit op Artopaeus die het onder voorwaarden aannam. De Dokkumers raakten hun verguisde predikant echter anders kwijt, dan ze gedacht hadden. Vincentius werd beroepen te BERLIKUM, terwijl de daar in ongenade gevallen predikant Stuyfsant de opvolger werd van Artopaeus te Delfzijl. Tussen 1620 en1634 kocht Vincentius twee huizen te Dokkum en ongeveer 40 pm land in Oost-Dongeradeel, in BERLIKUM voegde hij daaraan nog 7 pm toe. Deze aankopen vergden grote bedragen, die hij niet uit eigen vermogen kon opbrengen. In de hypotheekboeken van Oost-Dongeradeel en Menaldumadeel is een tiental leningen van hem geregistreerd. Vincentius Jacobi stierf in 1641. Hij liet de weduwe (Anke Theodorici dochter van de Dronrijper predikant Theodorus Petri ) en een zoontje van twee jaar na. De schuldenlast was nog zo zwaar dat de opvoeding van Jacobus in het gedrang kwam. Met toestemming van het Hof van Vriesland deed Anke in 1643 de huizen en de percelen land in Oost-Dongeradeel van de hand. De netto opbrengst bedroeg ca 4000 gld, een aanzienlijk bedrag in die tijd. In 1654 erfde Jacobus van zijn grootvader Theodorus Petri nog eens hetzelfde bedrag. Jacobus studeerde rechten in Franeker en promoveerde er in 1663 en verhuisde hij naar Workum.
NOCHRIS EAT OER DE BIESTKENSBIBEL.
Lykas yn de Doopsgezinde tsjerke fan BERLTSUM is ek yn de bibleteek fan it NBG te Haarlim in Biestkensbibel bewarre bleaun. Dit seldsume eksemplaar waard yn 1598 printe yn Haarlim en útjûn yn Dantzig, destiids in Dútske stêd, it tsjintwurdige Gdansk yn Poalen. In protte minnisten wienen dêrhinne flechte omdat hja ferfolge waarden. De omslach fan dizze bibel is ek bysûnder moai: in learen bân mei koperen hoekstikken. Mei goudkleurige letters is der de namme Cornelis Jansz te Castercom (Castricum), 1601, yn gravearre. Nei alle gedachten de earste eigner fan dizze bibel. Ien fan de reden dat dizze Biestkensbibel as seldsum jild, is dat hjir in komplete searje lânkaarten yn opnommen is fan de hân fan Johannes van Deutecom. Al dizze kaarten binne mei de hân ynkleure.
De bibel befettet dêrneist noch mear mei de hân ynkleure printen. Ien dêrfan is de print mei bibelfersen oer de leafde. Dizze is tekene troch Karel van Mander, in bekende 16de ieuske minniste keunstner. Hy waard berne yn it Flaamske Meulebeke, en wenne en wurke 20 jier yn Haarlim en leit begroeven yn Amsterdam yn de Oude Kerk.
DE TSJERKESKOALLEN
In protte skoallen fan protestânske en roomske snjit binne stifte troch de respektivelike tsjerken. Faak wurde dizze oantsjutten as tsjerkeskoallen, wêrby’t de tsjerke ynstitúsjoniel flink wat yn de brei te brokkeljen hie binnen de skoalbestjoeren. Sa wie dit ek yn BERLTSUM. Foar protestânske skoallen wie dy tiid nei de jierren 60 echt foarby. Foar de roomske skoallen is der somtiden noch in hiel tin triedsje mei de tsjerke, mar net mear yn direkt ynstitúsjoniel-bestjoer- like sin. Opfallend foar it iepenbier ûnderwiis, is dat oant nei de Twadde Wrâldoarloch der mei namme yn de saneamde ‘bible belt’ noch altiten iepenbiere skoallen wienen dy’t eigentlik funks- jonearren as protestânske tsjerkeskoallen, sawol bestjoerlik as wat de ynhâld oangiet fan it leauwensûnderrjocht mei Bibellêzing, Bibelske fertelling, gebed en geastlike lieten.
HENDRIK van THEEKEN
doopt te Ljouwert op 2-11-1708 as soan fan de korporaal en letter sergeantTaede van Theeken en Josina Lucas, wenne yn 1741 teWânswert en wie tsjûge by it passearjen fan it testamint fan de grytman fan Menameradiel Georg Ulbo van Burmania en syn frou Catharina Elisabeth Holstein. Hy waard yn 1740 te Ljouwert begroeven. Hy troude yn 1734 te Starum mei Trijntje Renici en wenne doe yn Grou wêr’t har omke ek dûmny wie. Trijntje sil om 1708 hinne berne wêze te Gaastmar wêr’t har heit Bavius Renici dûmny wie. Hendrik wie letter siktaris fan Menameradiel. Yn tsjinstelling ta syn grytman Georg Ulbo van Burmania buorke hy prima. Allicht troch akkutuarens yn syn njonkenfunksje fan ûntfanger fan it buolguod, dat folle mear oplevere as it siktariaat. Hy hat syn yn jildneed ferkearjende grytman úteinliks minstens wol 17.600 liend en fakentiden ek út de ûnderwâl holpen en wol yn hûs nommen. Georg Ulbo van Burmania wie oan de drank rekke en makke der neat fan as grytman fan Menameradiel. De âldste soan fan Hendrik van Theeken, Bavius van Theeken (1735-1798), ôfstudearre as abbekaat, waard fiskaal fan Menameradiel. De oare soan dr. Tadeus Rinici van Theeken (1737- ?) wurdt ek neamd as fiskaal. Hendrik van Theeken wenne letter op Toutenburg te Rypstjerk. (Gen. jierboek 2015 Geen parel aan de kroon van Menaldumadeel)
Hendrik van Theeken besiet ek 3 pleatsen op It Bilt w. û. de pleats Wiersterdyk 10 op de hoeke mei de Koudeweg.
HENDRICUS de VALK
Hendricus de Valk, doopt te Ljouwert op 17-11-1709, wie riedshearsfeint en letter boade fan it Hôf fan Fryslân, in goed betelle baan. Hy wenne yn Ljouwert by de Hoeksterpoarte (it krúspunt Voorstreek/Hoeksterpad) en troude op 13-7-1732 te Ljouwert mei Anna Gearts Faber, doopt te Ljouwert op 28-9-1704, in suster fan myn foarpake Sybrandus Gearts Faber, (op 13-3-1723 te Frjentsjer tr. m. Trijntje Hanses Wytema) tinjitter en burger hopman te Frjentsjer (earder neamd yn dit e-book wenjende a. d. Voorstraat N. Z.). Anna wenne te Ljouwert yn it hûs fan harren heit Geart Joostes Faber (op 26-12-1697 te Ljouwert tr. mei Jancke Arnoldus Idema) dy’t dêr grofsmid wie. De smidderij waard ferhierd oan de buorman Joucke Arnoldus Idema (gjin famylje). Hendricus en Anna hienen in soan, Hendrik Gerrit (Hendricus Gerhardus), dy’t yn Frjentsjer studearre foar dûmny. Myn foarpake Sybrandus, stoarn yn 1746, hie twa studearjende soannen yn Frjentsjer, t. w. Hans en Gerhardus Faber, wêrfan de stúdzje ek betelle waard troch harren omke en kurator Hendricus de Valk. Beide hawwe de stúdzje net ôfmakke. Hans Faber (tr. m. Eentje Feijes)waard bakker yn Frjentsjer en letter om 1765 hinne yn BERLTSUM. Fan Gerhardus Faber is neat bekend. Hendricus de Valk ferlear syn baan omdat hy oan de drank ferslave rekke wie en syn frou dêrtroch fakentiden mishannele. De ek oan de drank ferslave Menameradielster grytman, Georg Ulbo van Burmania, earder neamd yn dit e-book, by harren ynwenjend as kostgonger tsjin 500 yn’t jier, wie hjir tsjûge fan (*. De grytman wie troch de drank yn de ûnderwâl rekke lykas no ek Hendricus de Valk. It soe de reden west hawwe kinne dat de stúdzjekosten fan Hans en Gerhardus troch harren omke net mear betelle wurde koenen. Syn soan, Hendrik Gerrit de Valk, hat lykwols de stúdzje wol ôfmeitsje kinnen en is dêrnei dûmny wurden yn Tsjerkgaast c. s. Dizze wie op 25-10-1755 te Snits troud mei Saapke Joh. van Hazenhoek (Hasenhoek) de dochter fan de genêshear en skepen fan Snits, en rekke ek oan de drank ferslave wêrnei ‘t hy earst skorst en dêrnei by werhelling ôfset waard as dûmny. Hy is earm ferstoarn yn Amserdam en is dêr begroeven. Om koart te gean: Saapke is letter as widdo op 3-11-1764 te Frjentsjer wertroud mei de Berltsumer kastlein yn “Het Wapen van Gelderland”, Symon Sieks Baarda, de widner fan Fokje Jans, dy’t earder weinmakker wie te Tsjommearum. De 10 bern fan Saapke harren soan, Johannes Hendricus de Valk (** op 8-9-1782 te Bitgum tr. m. Antje Walings Tolsma), dy’t mei harren fia Sleat en Frjentsjer meikommen is, binne sa yn BERLTSUM teloane kommen. Johannes Hendricus de Valk, berne te Tsjerkgaast, learde nei alle gedachten it ferver-glêzemakkersfak yn Bitgum fan syn âldere neef Johannes Hendrikus Hoitsma. Syn mem, Jannetje, wie in suster fan Saapke Johannes van Hasenhoek. Soan Tjalling Joh. de Valk hat hjir yn BERLTSUM ek ferver-glêzemakker west. In protte de Valks wennen letter yn de gemeente Barradiel en omkriten. (Gen. jierboek 2016) Om 1891 wenne hjir yn BERLTSUM ek in ferver Hendrik Fredriks Hoitsma.
(* Fuotnoat
Beide mannen koenen inoar (amtlik of út de kroeg ?)en beide mishannelden harren froulju as se tefolle dronken hienen.
(** Fuotnoat
Soan Waling Joh. de Valk, ferwer-glêzemakker, wie troud mei Metje Jochems Wudma en fan harren bern wie û. o. Saapke de Valk, berne op 5-7-1828 te BERLTSUM, tr. m. Lourens Minderts Zwart en Hiltje de Valk, berne op 16-5-1831 te BERLTSUM, tr. m. Klaas Jarigs van der Schaaf.
BOELGOED van 10 à 12 uurwerken gehouden ten sterfhuize van Caspar Hansen, alias de Wilde, groot uurwerkmaker te BERLIKUM.
(Hij repareerde al yn 1717 het Dronrijpster torenuurwerk)
L. C. 5-4-1760
EEN VAN DE MEEST WELVARENDE LANDEN TER WERELD
Wat nu als normaal wordt ervaren, was niet zo heel lang geleden nog ondenkbaar. Het stakingsrecht, de CAO, loondoorbetaling bij ziekte, ontslagbescherming, zwangerschapsverlof, ARBO-wetgeving. Allemaal dateren ze uit de twintigste eeuw. De vijfdaagse werkweek is in Nederland in 1960 ingevoerd (net voordat ik in 1963 begon te werken), het minimumloon pas in 1968. Die verworvenheden hebben van ons land een van de meest welvarende landen ter wereld gemaakt.
T.B.C.
In tige besmetlike sykte. De ienige remeedzje tsjin tbc wie rêst, yn in ôfsûndere romte mei tagong fan frisse lucht. Dêrom waard fakentiden keazen foar in (soms lange) kuur yn in sanatoarium. Kontrôle op tbc barde mei in kraske op de earm (de krastest fan Pirquet) of in prikje ( Mantouxtest). Dit barde hjir ek yn BERLTSUM op de skoallen wit ik my noch te werynnerjen.
BILDTSCHE COURANT 26 10 1928
Iets zeldzaams.
Jongedame: Dokter, ik heb gisteren bier gedronken en heb vandaag vreselijke hoofdpijn.
Dokter: Dat is iets zeldzaams, een vrouwelijke kater.
FRANEKER COURANT 5 october 1928
Geen bruidjes met pagehaar.
In de laatstgehouden kerkeraadsvergadering der Gereformeerde gemeente te Rotterdam (kerk Boezemsingel, predikant ds. G. H. Kersten) is besloten geen huwelijken meer kerkelijk te doen bevestigen van paartjes, waarvan de bruid zonder oorzaak zich het haar heeft laten afsnijden.
(Yn BERLTSUM seach men destiids ek raar op, doe’t de froulju foar it earst ek gjin lang hier mear droegen, fertelde myn heit wolris.)
AMEARIKAANSKE ûnôfhinklikensgsferklearring.
It wie yn febrewaris 1782 dat de Steaten fan Fryslân in resolúsje oannamen wêryn’t hja de sûvereiniteit fan de Feriene Steaten erkenden. Dêrmei wienen se it earste Gewest yn de Republyk dy’t dat dienen en wrâldwiid de twadde, nei Frankryk, yn 1778. De Fryske erkenning brocht de kwestje yn in streamfersnelling: twa moannen letter hienen de oare seis Gewesten it foarbyld folge en op 19 april waard de Republyk it twadde lân dat de Amearikaanske ûnôfhinklikens fan Ingelân erkende. Wopke Wopkens (dizze minniste keapman, earder neamd en mear hjiroer yn dit e-book) foarsitter fan de deftige patriottyske hearensosiëteit “Door Vrijheid en IJver”, dy’t de idealen fan de Frânske revolúsje stipen en kantte wienen tsjin de pro-Ingelske steehâlders, krige in tankbrief fan de Amearikaanske gesant hjir út Den Haach, John Adams, letter (fanôf 1797 de twadde) presidint fan Amearika. Hy krige fan de sociëteit in betinkingsmedalje tastjoerd , it idee fan Wopke Wopkens tsjinoer de pro-Ingelske Orangisten en foar de pro-Amearikaanske patriotten. In bronsen plakette sit as oantinken yn it Provinsjehûs.
NOCHRIS ROORDA STATE te Uithuizermeeden, earder neamd yn dit e-book
Wouter Tjeerd Roorda op Roorda State, earder neamd yn dit e-book, berne op 7-9- 1955 is in “ôfstammeling” fan Tjerk Jacobs, boer yn 1708 te Kimswerd en letter yn 1718 brûker fan de pleats nûmer 2 yn it Kleaster Anjum gr. 112 pm. Dizze hie as meijer dêr “afcoop tot 4500 car. glds”. Yn 1778 is de neikommeling Jacob Jetses Roorda, berne plm. 1740, boer op lêstneamde pleats nûmer 2 gr. 112 pm en dêrnei op de pleats nûmer 6 gr. 108.75 pm. Hy troude mei Anke Jacobs Faber en is te BERLTSUM stoarn op 30-11-1811, 71 jier âld. Ien fan de neikommelingen t. w. Jetze Jacobs Roorda, berne te BERLTSUM plm. 1769 is skipper, kastlein, arbeider te Rie, en tr. m. Lysbeth Ruurds Donia en stoarn te Frjentsjer op 8-12-1838, 67 jier âld. Fia, fia nei Ruurd Ruurds Roorda, berne te Wjelsryp, stoarn te Baaium op 30-3-1942 nei Ruurd Ruurds Roorda, berne te Wjelsryp op 16-11-1920, timmerman te BERLTSUM, tr. m. Elisabeth Faber, dochter fan Bertus Faber en Elisabeth van Schepen nei boppeneamde Wouter Roorda. Wouter Roorda is harren oannommen soan en wie útjouwer te Uithuizermeeden. (Gen. jierboek 1982)
DIRCK ALBERTS MONNICKHUYS
Monnickhuys, berne ca 1545, húsman op sathe Monnickhuys, doarpsrjochter te WIER (1883-85), adm. en ûntfanger fan it guod fan KLEASTER ANJUM (1587), stoarn nei 1622, soan fan Albert Claesz Monnickhuys te WIER en Ebbel (Dircksd.) Vogelsangh of Govertsdochter. Dirck Alberts toe Monckhuis is hierder fan 30 pm te WIER fan KLEASTER ANJUM. Yn 1622 (regi- strearre yn 1624) lient Dirck Alberts te WIER fl. 25,- fan Haye Dirxz, rjochter fan BERLTSUM. Syn soan Albert Munckhuys, art. et ling. studint te Frjentsjer 25-10-1593, abbekaat foar it Hôf fan Fryslân (adm. 1-7-1598). Nei alle gedachten is hy te Ljouwert stoarn op 8-2-1662. Hy wie minnist. Sjoch foar mear oer Albert Claesz Monnickhuys yn dit e-book
AEDE JELLES STAPENSEA,
berne te Menaam, troude op 20-5-1700 mei Gryttie Wybes. Hy is de soan fan Jelle Aedes, boer te Arum, te Harns, eigenierde boer op Stapens (de Stapel, stem 28, 1718), opsichter fan de Slachte- dyk en Antie Everts (Oosterbaan) Sjoch foar mear oer Stapensea yn dit e-book.
FLAGGE FAN DE VLECKE BERLIKUM,
It flek BERLTSUM yn de gemeente Menaldumadeel/ Menameradiel. Flagge: twa fertikale banen read en giel, yn de ferhâlding 2: 1. Yn it reade part in lizzende, omsjende, wite Agnus Deï, dy’t in skeanlofts pleatste wit krúsfaan mei swellesturt tusken de foarpoaten hat, de krúsfaan belein mei in read krús. It wapen fan it flek BERLTSUM is al yn it jierboek fan 1991 fêstlein (side 184) No is it safier dat de flagge dêroan taheakke wurde kin. De yndieling fan de flagge is omkeard oan dy fan de gemeente, sadat de dieling op 2/3 fan de flaggelingte komt. Yn it hjirtroch ûntsteane reade fjouwerkant hat de Agnus Deï (it Laam Gods), dy’t yn it wapen yn de dakgoate leit, in sintraal plak krigen. De lizzende hâlding is apart, om’t it laam meastal stiet. De reade kleur is ôflaat fan de tsjerke yn it wapen en de giele flechtside oan dy fan it wapenskyld. Ûntwerp is fan J, C. Terluin, lid Fryske Rie foar heraldyk. (Gen. jierboek 2002)
It skild (wapen) fan BERLTSUM wurdt dutsen troch in saneamde “Vleckekroon”, foarbehâlden oan doarpen mei stedske kenmerken.
GREATE PIER
Thomas Gongrijp, glasschilder, vroedchap en bouwmeester te Sneek (1730-1804), enkele aantekeningen gemaakt betreffende huiselijke en zakelijke wederwaardigheden. Daaronder bevindt zich een schets van de mangelplank, met bij schrift: “Dit monumentum in het dorp BERLIKUM ten huize van Teunis Meetsma na geteekent, zijnde een mangelplank afkomstig uit het stamhuis van Greate Pier en dochter. Dit gedenkstuk 1762 te BERLIKUM naast de Zuidooste herberg gesien en geteekent”.
DE IISFLET
waard yn needgefallen brûkt as ferfanger oer de grutte iisflakten. Dit is in houten boat mei in mêst, in seil en roeispanen. Oan de ûnderkant sitte izeren gliders befêstige. In soarte fan reedens dus wêrmei de boat oer it iis glydzje koe. Ien hjirfan leit yn de Schepenhal fan it Súderseemuse- um yn Inkhúzen en is yn 1870 yn BERLTSUM boud, de bouwer is net bekend. Neist de pikheaken wienen der ek noch iisbilen en seagen oan board en úteraard in needsein en lantearnen foar ferljochting. Ek de snikke “Grietje” út BERLTSUM leit yn dit museum. (Sjoch yn dit e-book).
De iisflet waard meastal lutsen of treon troch 10 persoanen. Op dizze wize waard yn needgefallen it ferfier oer grutte iisflakten as nei Kampen of Schokland regele. Tink oan it heljen fan post en medisinen, it fuortbringen fan siken, froulju yn barensneed, it opheljen fan ferstoarne Urkers, koartom it wienen seker gjin plesierige tochten. Ek waard de iisflet brûkt om minsken fan de om Urk strâne skippen te rêden. De 10 bemanningsleden waarden iisrinners neamd omdat faker rûn dan fearn en syld wurde moast. Yn 1940 waard de lêste tocht ûnder- nommen. Op Urk stiet in brûnzen byld mei de iisrinners oan de Klifweg. It byld waard yn april 1994 ûntbleate troch minister May-Weggen, tegearre mei twa widdowen fan âld-iisrinners, de dames K. Bakker en E. Wakker.
Boek: Algemeen verslag der Maatschappij tot Nut van’t Algemeen.
Willem Aarts Kramer (tr. m. Douwtje Pieter Th. Runia) út BERLTSUM rêdt op 11-8-1823 in bern út in mear as 22 foet djippe wetterput. Ferskate minsken sjogge dit mar fine gjin geskikte mid- dels om it bern te rêden oant Kramer ferskynt, dy’t direkt, mei eigen libbensgefaar, it bern ta help komt. In âld swak stik tou is it ienige middel wat him en it bern deryn en werút helpe kin. Sa wurdt it bern rêden. Hy kriget letter as tank in sulveren medalje oanbean.
DE HARINGVISSERIJ
Langs de Noord-Friese kust wemelde het vroeger van de haringboten, een zeer oud Friese type die wel iets weghad van de punter en de Pruisische kahn. Ze hadden wel iets van de dory, die aan de overkant van de Atlantische Oceaan werd gebruikt voor de hoekwantvisserij op kabeljouw. De meestal 6.50 m lange, 1.10 m breedte en tot 70 cm holle haringboten werden gebruikt in de regelvisserij om langs de haringfuiken te punteren of om blazers op de rede te bereiken. Ze waren licht genoeg om met twee man over de dijk te dragen. De beste werden gebouwd door van Manen in BERLIKUM,die gegroeide krommers gebruikte voor de inhouten. Met vuren, eiken zandstroken en nog twee vuren gangen gingen de boten wel 50 jaar mee zolang ze goed in de Stockholmse teer werden gehouden. Ondanks hun geringe breedte en weinig geraffineerde uiterlijk werden de boten hogelijk gewaardeerd om hun zeewaardigheid.
Bron : G. J. Schutten : Verdwenen schepen. De houten kleine beroepsvaartuigen, vrachtvaarder en vissersschepen van de Lage Landen. De Berlikumse praam 7.6 x 2.1 x 0.65 meter (3 ton) was een boerenpraam. Wat kleiner dan de Berlikumse praam was de Berlikumer boot. De Berlikum- se schouw, verwant aan de Friese schouw, afmetingen 4.5 x 1.5 meter, is een open type boot.
Van Manen boude de lêste hearringboat yn de winter 1934/35.
Bij de ROBLES KAARTEN fan BERLTSUM
Register van Placcaten etc 1572
Gebod aan de Ingezetenen van Menaldumadeel en Franequeradeel om binnen BERLIKUM te komen om te graven en te arbeiden, en aldaar allerleys eetwaren te koop aan te brengen, den 18 september 1572.
Omslag van 2 stuivers op de Floreen tot onderhoud der Soldaten te BERLIKUM, en daar omtrent leggende, 2 october 1572.
Ordonantie om aan de Stad Franequer geen huur van hunne Bildtlanden, nog de erfgenamen van Hette Hemmema van hare Leenlanden te betalen, den 4 november 1572.
Victorie tegen de Geuzen of Rebellen by BERLIKUM bevogten, en ordre om de verstrooyde Geuzen te apprehendeeren (finzen te nimmen), 11 november 1572.
DÛMNY HERMANNUS LUINGA
as earste dûmny fan BERLTSUM blykt út in eigenhannich yn 1588 skreaune rekest : ynlevere oan de Ed: Mog: Heeren Staten om help en beskerming tsjin de fijân en c. Ds. Martinus Laurman fan Jorwert skriuwt dit yn it boek : Naamlyst der Eerw. Heeren Predikanten sedert de Reformatie tot den jare 1751 etc. etc. printe yn 1751 by Pieter Koumans, stedsprinter en boekferkeaper yn de Peperstrjitte yn de Jonge Ruyter te Ljouwert, fierder oer BERLTSUM, “BERLIKUM is mede een seer grote plaats en strekt sig in een ongemene lengte uit , het heeft eene grote Tooren en ruime Kerk, waar in des Sondags tweemaal gepredikt wort. Van dese zijn hier ten minste 4 gestorven, 6 verroepen, 2 onzeker of ze hier gestorven of verroepen zijn. Als laatste (de 13e) is ds. Siricus Arnoldi hier nog in leven en bedieninge”.
IT WÂLDGIELTSJE / BERLTSUMER GIELTSJES
Somlike boarnen geane der fanút dat it ras yn (om) 1890 hinne ûntstien is. Kweker is yn dat gefal van der Werf út BERLTSUM dy’t de namme “Berlikumer Geeltje” oan it nije kweekprodukt meijoech. In proeffjildferslach út 1891 fan de proeftún yn BERLTSUM jout oan dat alle jirpelrassen op in bepaald momint syk binne, útsein it “Berltsumer Gieltsje”. Yn de krante út 1892 wurdt it “Berltsumer gieltsje” neamd en de Landbouw Almanak van Schagen neamt dit “Gieltsje” yn 1892 ek. Yn de prospektus fan siedfirma Turkenburg Zaden út it jier 1892 wurde poatjirpels fan it ras “Geeltjes” oanbean.
DE KLOKKERÔF
It opeaskjen fan klokken is in brûkme dat al minstens ta it begjin fan de 15de ieu werom giet. It is net sa frjemd dat klokken ûnder de oarloch opeaske waarden. It brûns wie dan foaral nedich foar it jitten fan kanonnen, hoewol’t it brosse klokkebrûns yn de geskutjitterij net sûndermear brûkber wie. Skattigen geane der fanút dat yn de Earste Wrâldoarloch om de 65.000 klokken hinne smelte waarden, yn de Twadde Wrâldoarloch om de 45.000 hinne út Dútslân en út de besette gebieten nochris sa’n 35.000, sa wie de konklúzje fan de adj. Ryksynspekteur Keunst- beskerming J. W. Jansen yn 1946. De klokken fan BERLTSUM binne lokkich sparre bleaun.
Sa besliste yn 1578 de Steaten Generaal dat de klokken út de tuorren helle wurde moasten om dêrnei omsmolten te wurde ta kanonnen foar de striid tsjin Spanje. Ien klok mocht lykwols hingjen bliuwe by meardere hingjende klokken.
ARCHIEVEN VAN DE FRIESE STADHOUDERS :
Inventarissen van de Friese stadhouders van Willem Lodewijk tot en met Willem V. 1584 – 1795 door A. P. van Nienes en M. Bruggeman (2002).
Yn de stikken wurdt op side 105 neamd in sekere Michaël Lauterbech, (net oantoand as besibbe oan de Lautenbachs) oangeande in oanslach op Willem Lodewijk, trompetter, dit yn opdracht fan Francisco Verdugo, Spaansk steedhâlder fan Fryslân en wurde de nammen neamd fan de hoplju Lieukema, Camminga en Westendorp.
Op side 115 : Brief ynkommen fan Godfried Lautenbach út Keulen mei it fersyk ien fan syn kollega’s by Frederik Hendrik, greve fan Nassau, prins fan Oranje foar te dragen foar in kommisje, 1629, ien stik 104. Brief ynkommen fan J. G. Lawick.
Op side 496 : Lautenbach Jan (m.w. Jacobus) gerechtsschout van het Krijgsgerecht der Friese en Nassause regimenten, 1596, Ljouwert, stedsbestjoer fan 1584 maaie – oktober; 1585 Leicester, Robert Dudley, greve fan, lânfâld fan de Feriene Nederlannen.
AANTEKENINGEN
gehouden op eene reis over Noord-Duitschland en Denemarken naar Sint Petersburg in het jaar 1840 door H.(emmo) Dijkema, gedrukt bij A. Oomkens J. Zoon te Groningen in het jaar 1845.
Naamlijst der inteekenaren: û. o. A. K. Aartsma, landb. te Sint Jac. Parochie, T. Alma, notaris te Menaldum, M. P. de Boer, pred. te Hallum, H. W. Born (van der Ploeg) chir. en vroedman te Akkrum, J. A. Born, med. doctor te Bergum, R. Busscher, med. doctor te Beetgum, M. L. Dijkstra, landb. te Menaldum, Gelder (R. B.) roggemolenaar en instrumentenmaker te Beetgum, T. A. Gerbens te Menaldum, S. van der Goot, predikant te BERLIKUM, H. Kiestra, koopman te BERLIKUM, A. Koopmans voor het Leesgezelschap te Oude Bildtzijl, L. Kijlstra, onderwijzer te WIER, K. D. Mulder van Leens, landb. te WIER, S. W. Osinga, steenbakker te BERLIKUM, P. J. Pieterzen, landbouwer te BERLIKUM, J. S. Sevenster, landbouwer te Menaldum, Gerh. van der Tuuk, pred. te BERLIKUM. It wienen allegearre begoedige lju dy’t boeken kochten en harren sa sels ûntwikkelje koenen.
ÂLDE en NIJE MAAIE
Nei ferrin fan jierren makke de Juliaanske kalinder plak foar de Gregoriaanske.Yn Fryslân rûn de âlde kalinder oant 1701. Om de kalinder by de tiid te helpen moasten 11 dagen oerslein wurde om him by de tiid te hâlden en waard besletten om de ieujierren tenei no foar skrikkeljierren te rekkenjen, as it getal foar de twa nullen troch 4 dielber is. Dus it jier 2000 wie wol in skrikkeljier, mar 1900, 1800 en 1700 net en 2100 sil dat ek net wêze. Eartiids spriek men fan âlde en nije styl. Dus tiisdei 31 desimber 1700 waard folge troch woansdei 12 jannewaris 1701. Fandêr ek dat Stannemet (Lammetsiemet) op de 3de tiisdei nei 12 maaie is en net nei 1 maaie.
BOEKWINKEL
Willem Dijkstra hie in boekwinkel yn it pân Buorren 42. Letter waard dit de winkel fan Willemke Lautenbach-Kooistra. Wer letter waard it de Spar-winkel fan Jan van der Meer en dêrnei fan Rondon. Noch wer letter de blommewinkel “Artifleur” fan de famylje Wolbers.
TJERCK van HEERMA – LUCIA van WALTA
It Frysk Museum hat in bysûnder glêzen beker út 1599 yn brûklien krigen. It giet om in beker mei fersiersels fan blêdgoud, wêryn’t 22 nammen gravearre binne fan Fryske eallju. It is nei alle gedachten makke nei oanlieding fan it ferloovjen fan Tjerck van Heerma en Lucia van Walta dy’t beide yn BERLTSUM wenne ha. It glês is makke yn Antwerpen troch Itaaliaanske glêsblazers en wie destiids tige kostber.
KULTUERKRISTENDOM.
Wy libje hjoed de dei mear en mear yn in kultuerkristendom, is myn ûnderfining. It draait net sasear mear om it bestean fan in Skepper of in godlik wêzen, mar om in mear ynstrumentele fysje op it leauwen. Men is hieltiten mear en mear ferfjremde rekke fan de bibel, kristlike seden en gewoanten. It jaan fan bibelske nammen bgl. as Johanna, Jacobus, Mattheus, om mar wat te neamen, binne út de moade rekke. No is it Lyanlah, Irdira, Kimberly en gean sa mar troch. It net mear ferneamen jout ferfjemding yn de sibben. Der is gjin werkenning mear. Bûtenlânske nammen binne no yn. It meiinoar oan tafel sitte te iten, om noch in foarbyld te neamen, wurdt hieltiten minder. In protte minsken sitte no op de bank mei de itenspanne op de skoat tillevysje te sjen en tagelyk te appen. De mobile tillefoan leit as in ôfgod altiten by de hân. Men is deroan ferslave rekke. Meiinoar oan de tafel earne oer prate is der yn in protte gesinnen net mear by. Tillevysje útstjoeringen binne foar it grutste part opperflakkich en sûnder djipgong wurden. Foaral de kommersjele stjoerders kinne der wat fan. Sjochsifers binne it wichtigst wurden. Ynhâld docht der net mear ta. Mei troch de komst fan in protte minsken hjir út de Arabyske lannen wurdt troch guon lju mei grutte argewaasje sjoen. Ús kultuer soe troch harren hjir ûndermine wurde, wurdt gauris sein. Is dit sa? Ik tink dat dit earder komt omdat wy ÚSSELS mear en mear ferfjemdsje litte fan de eigen roots. Gewoantekristendom sil hieltiten mear ÚSSELS skea oandwaan. Wy witte net mear wêr’t wy foar steane en wêr’t wy it oer hawwe. Wat dat oangiet kinne wy in protte fan de nije Nederlanners út de Arabyske wrâld leare. Dat is, wat hja hjir ek dogge, trou bliuwe oan wat harren yn it ferline troch harren foarâlden leard en oerlevere is. Wy Nederlanners, dus ek wy as Berltsumers kinne hjir in foarbyld oan nimme. Wy moatte ús net bangprate litte, wy kinne der sels in protte oan dwaan en hawwe it foar in grut part sels yn hânnen.
(Sjoch ek op de side 165 by: Fysike en geastlike earmoede.)
DE PSALMBORDEN
In de Koepelkerk zijn nog vijf psalmborden aanwezig, twee heel oude uit de 17e eeuw, deze hangen aan de beide pilaren. Deze hebben een vorm die doet denken aan de vroeg renaissance maar meer kan er niet over worden geschreven. Verder zijn er drie gelijke borden waarvan een al jaren in de kelder staat. Een van de twee andere psalmborden had (voor mij) een verassing. Deze was aan de achterkant gesigneerd. De kosters wisten dit natuurlijk allang als zij de borden van hun plaats haalden en de psalmen en gezangen met krijt noteerden. De maker volgens het kerkboek is L. G. van der Meij die in 1854 betaald kreeg voor het leveren van nieuwe tekstborden. Waarschijnlijk is dit Lourens Aukes van der Meij. De schilder is H. de Valk, dit staat in zwierige letters op de achterkant met het jaartal 1854. Hendrikus Johannesz. De Valk was schilder eerst in St. Jacobi Parochie en later in BERLTSUM waar hij in 1856 overleed. In 2018 hebben de oude psalmborden aan weerskanten van de preekstoel plaats gemaakt voor beamerschermen. Deze psalmborden hebben een plaats gekregen onder het orgel.
(Durk Klazes Osinga, kerkrentmeester.)
NOCHRIS EAT OER DE HULSHUYS (HULSHUIS) SIBBE
De Hulshuys sibbe is yn it lêst fan de 17e ieu hjir kommen fanút Leer yn East-Fryslân en krigen hjir al gau amtlike posysjes. Sa wie in Claes Jilles Hulshuys earst skriuwer yn Ljouwert en slagge it him yn 1720 beneamd te wurden as siktaris fan de gemeente West-Dongeradiel. Doe’t hy dy baan kocht wie hy 29 jier. De grytman wie op dat stuit Hans Willem van Aylva dy’t syn heit opfolge wie. Troch syn amt as siktaris fan de gemeente is hy yn 1749 in ryk man wurden. Syn fermogen waard op sa’n 50.000 car. gûnen skat. Hy is dêrmei, nei de grytman, de heechst oansleine yn de gehiele gritenij West-Dongeradiel. Sa keapet er al yn 1715, foar in part mei liend jild, lân ûnder Ljouwert en yn 1727, ek ûnder Ljouwert, sels in pleats. Yn de jierren dêrnei keapet er noch geregeld lân en húzen. Yn 1740 is hy by steat om foar syn soan Michaël Hulshuys it amt te keapjen fan skriuwer by de kompagny te foet fan de kaptein D. W. van Merwede (Merwerda), dy’t te BERLTSUM leit. Hy folget dêr syn omke Johannes Hulshuys op. Foar dizze oerdracht moasten de Steaten wol permisje jaan, mar it bleau in famylje hannel dy’t in moai stikje jild koste hawwe moat. Claes Jilles wie yn 1712 troud mei de rike boeredochter Baukje Lolkes Hommema út Jelsum. Hja hienen 6 bern (2 jonges en 4 famkes) en wienen yn 1719 fanút Ljouwert ferhúze nei Holwert en wennen dêr op de Stins. Soan Lolke Hulshuys, berne op 29-8-1715 te Ljouwert, liet him al yn 1730 ynskriuwe as studint yn Frjentsjer. Hy keas as stúdzjefak Architecture Militêr (fêstingboukunde). Hy is ôfstudearre yn 1741. In militêre libbenszin hat him net oanlokke. As yngenieur komt hy nei Holwert werom en waard dêr, mei heite help, beneamd as ûntfanger. De beneaming barde yn alle stillens. Troch skeel mei de grytman rekke Claes Jilles Hulshuys yn tsjok waar. It wie om jild te rêden. Soan Lolke, dy’t efter syn heit stie, slúte him letter dan ek oan by de Doelisten (it Pachtersopskuor yn de Dongeradielen) om sa de grytman in loech ôf te sjen. Soan Michaël Hulshuys wie yn 1746 troud mei Sytske Posthumus, in dochter fan de eardere siktaris fan West-Dongeradiel, de foargonger fan syn heit, en wenne ûnder BERLTSUM op it Heechhiem.
DE HEERENVEENSCHE KRANT 9-7-1952
Hervormde Landdag te BERLIKUM.
De Hervormde Jongelings- en Meisjesvereeningen hielden Zaterdag een landdag te BERLIKUM. De leiding berustte bij Ds. R. Bijl. Ds J. H. Boerlijst van Leeuwarden sprak over het onderwerp : “Onze taak nu!” Na de pauze sprak Ds A. J. Buurman (uit Franeker), over het onderwerp : “Weest paraat”. Muzikale medewerking werd verleend door de Christelijke Muziekvereeeniging “De Bazuin” (uit BERLIKUM) en de Mondorgelclub “Sin en Wille” uit Vrouwenparochie. ‘s Avonds werd door de Christelijke Toneel Vereeniging “De Granaet” van Dokkum opgevoerd : “In Tizeboel”, blijspel in drie bedrijven van G. Burgy. Van de plm. 1000 aanwezigen mochten de spelers een dankbaar applaus in ontvangst nemen. Het voordelig saldo is bestemd voor de t.b.c. bestrijding.
VILLA CAMMINGEHUNDERI (WIKIPEDIA)
Yn 1651 kocht deAmsterdamske keapman Hans Nuys pleats “De Hônderd” doe 24 pûnsmiet grut en mei in dowetil fan Juliana van Dekema. De namme is a hiel âld en komt foar yn de registers fan it Kleaster Corvey by Fulda. Nei alle gedachten ferwiist hy nei in “centena”, in lytse bestjoersienheid dy’t bestie út 100 gesinshaden of striders. Yn 839 is it gebiet oan in sekere Gerulfus skonken troch Lodewijk de Vrome en dy’t earder û.o. ta it besit fan it Kleaster Corvey by Fulda beheard hat. Yn de midsiuwen behearden de flak byinoar lizzende pleatsen “Kamminga” en “De Hûndert” ta it besit fan it Kleaster Anjum. Yn 1971 wie de Amsterdamske keunstner Fred Fritschy de eigner. Yn 1980 ferkocht Fritschy “De Hûndert” oan it âld skoalhaad Arend Douma. Ek hawwe hjir wenne boer Meije Vollema dy’t it hûs yn 1918 ferkocht oan Pieter Jans Kuperus. Syn 2 soannen ferkochten it pân oan de earder neamde Fritschy. No wenje Anneke Soepboer en harren man Bertus Klaver as eigners op “de Hûndert”.
Yn 1700 draacht Joan Nuis (doe ek noch as eigner fan “De Honderd”) keapman te Amsterdam, syn foardering op Jan Pytters (Runia) yn 1695 neamd as boer op “De Honderd” (en yn 1695 ek neamd as âld-ûntfanger en doarpsrjochter te BERLTSUM) , grut 800 car. gûnen, fanwegen lânhier fan in sate te BERLTSUM, oer oan in Tjepke Hylkes, boarger en lekkenkeaper te Frjentsjer. Yn 1703 is Jan Pytters (Runia), ôfkomstich fan BOER en op 27-2-1681 te Skalsum tr. m. Antje Jacobs, noch (minniste) boer (húsman) yn it KLEASTER ANJUM, it gie harren net foar de wyn en hja binne dêr yn 1707 frijwol fallyt gien. Jan Pytters syn heit wie boer te BOER en lekepreker yn de Minniste tsjerke fan Frjentsjer. Fan Jan Pytters Runia (Rinia) stamme de Berltsumer en Boalserter Runia’s ôf.
(Yn 1640 wie in Grietje Scheltes eigneres fan De Hûndert.)
In JACOB QUADER
ûntfanger (te BERLTSUM ?), keapet yn 1714 yn Harns in hûs, plaets en túntsje oan de Noarderhaven, “De Witte Arend” neamd en yn 1724 ferkeapet hy it hûs wer, hy wurdt dan neamd as âld-ûntfanger.
WINTERAKONIET (IT AYTTABLOMKE)
Een vrolijke, vroege bloeier met heldere goudgele bloemen. De komvormige bloemen geuren naar honing en bloeien zelfs door de sneeuw heen. Periode van bloei : februari – maart. Te vinden by Aytta- State in Swichum, pastorietuin Nijland en pastorietuin BERLIKUM.
VRIEND DES VADERLANDS - - 1838
Op weg van Leeuwarden naar Franeker. ...... vervolgens reden we aan Beetgumer molen, het slot Schwartzenberg en het dorp Beetgum tot BERLIKUM, waar wij koffie gebruikten. De weg , dien wij gereden hadden, was afwisselend en daardoor aangenaam. BERLIKUM heeft eenmaal ‘s jaars eene zeer grote koemarkt : tot het houden van dezelve dient een vast paalwerk, dat zich buiten het dorp een heel eind uitstrekt .......
(Eertijds stond het vee, bij deze gelegenheid, op de gerechtigheid van het Bildt, doch uithoofde van een geschil over wederzijdse rechten, hebben die van BERLIKUM destijds een gedeelte van de oude zeedijk met een rij jonge bomen bezet en alzoo tot een marktplaats bekwaam gemaakt.)
OP WACHT
Voor God-Nederland –Oranje (Verzetsblad, Den Haag)
Dit verzetsblad werd van 25 januari 1944 tot 28-6-1945 in Den Haag uitgegeven. Het blad verscheen 2 maal per week, vanaf 19 juli 1944 wekelijks in een oplage van 12000 exemplaren. Het werd gestencild en de inhoud bestond voornamelijk uit algemene artikelen, binnenlandse berichten en nieuwsberichten. Het blad “Op Wacht” is ontstaan uit een verzetsgroep. De oprichters waren twee jonge ondergedoken tuinders J. J. van Staalduinen uit ‘s Gravenzande en Sybren Tjeerds Lautenbach uit BERLIKUM (Fr.) Beide waren oud-militairen die naast een aantal medewerkers in het land ook medewerking kregen van een vakjournalist J. A. Ages. Op 9 augustus 1944 werd Lautenbach bij een bezoek aan een blijkbaar “besmet” adres in Delft door de Sipa (Sicherheitspolizei) neergeschoten en gevangen genomen. Hij herstelde enigzins, doch overleed op 25 april 1945 tijdens een transport uit het concentratiekamp Bergen-Belsen. Meer over hem is te lezen in dit e-book.
In het boek : Kampbelevenissen van een Leendense Burgemeester door G. J. A. Manders over de voetreis naar Bremen-Vorden. ..... ..... Na het bombardement was het werk op de duikbootbasis afgeloopen en werden we op voettransport gesteld naar Bremen-Vorden. Een mars van ongeveer 10 dagen. Wel waren de dagmarsen niet groot. In deze 10 dagen heb ik 8 kleine aardappeltjes gehad en om de andere dag een snede brood met het twaalfde deeltje van een busje met cornet beaf. Des nachts werd meerdere malen buiten geslapen. Deze veldtocht had plaats onder buitegewoon mooie weersomstandigheden, in een natuur waarin het jonge leven ontsproot.Toch raakten velen uitgeput, van hier zijn achtergebleven mr. Ad. Schoon uit Amsterdam en Sybren Lautenbach uit BERLIKUM. Eindelijk Bremen-Vorden bereikt. Weer uitrusten ? Neen. We werden dezelfde dag van aankomst weer in veewagens geladen en op transport gesteld naar Neuengamme (ten z.o. van Hamburg) zonder eten of drinken. etc. etc. ..... .....
Een monument (een tekening - een teken aan de wand - waarop een brandende fakkel, als symbool voor het verzet, en een hakenkruis en een foto van Sybren Tjeerds Lautenbach) werd op 15-2-1950 aangeboden door de oud-leden van de jeugdvereniging op g. g. “Eben Haëzer” en oud-medewerkers van de L. O. (Landelijke Organisatie voor hulp aan Onderduikers) en hangt onder in de Kruiskerk.
BAKSTIEN
It âldste neamen fan bakstien as boumateriaal wurdt dien yn de kronieken fan de premonstra- tenabdij fan Mariëngaarde by Hallum en Bloemhof te Wittewierum (Gr.). De abdijtsjerke fan Mariëngaarde waard oan de westside yn boustien útwreide yn de tiid fan abt Sibrand (1230-1238) en Bloemhof begûn yn 1235 mei it bakken fan stien foar de nije abdijtsjerke. De abdij Klaarkamp by Rinsumageast, dy’t koart foar 1163 stifte is, wurdt de haadrol tabedield yn teorieën oer de weryntroduksje fan bakstien yn it Grinzerlân en Fryslân. De stifting fan it Berltsumer âld-tichelwurk deun by de tsjerke hat nei alle gedachten te krijen mei de bou fan de (stienrike) krústsjerke yn 1345. De stiennen tichelerspiip oer de Ljouwerterfeart wie ek fan de tsjerke.
DE DRUKKER VAN HET FREESKE LANDRIUCHT
Er was veel discussie wie de drukker is van deze incunabel. Vele plaatsen werden genoemd in deze discussie, behalve BERLIKUM. Mari P.van Buytenen (1911-1997) van 1949-1963 rijksarchivaris in Friesland, komt opeens aan BERLIKUM. Zijn theorie komt in het kort hier op neer : een kroniek van de Hildesheimse vestiging van de Broeders des Gemeenen Levens maakt melding van de stichting van een fraterhuis met deze naam in BERLIKUM, dat korte tijd bestond gedurende de jaren tachtig van de 15de eeuw. Het huis had relaties met vestigingen in Keulen, Munster, Zwolle en Deventer. Aangezien de Broeders betrokken waren bij veel drukkersactivi -teiten in de 15de eeuw in Duitsland en Nederland, is het niet onwaarschijnlijk dat de Berlikumse vestiging over een drukkerij beschikte. Beschermheer van deze vestiging en dus ook over de drukkerij was de Schieringer edelman Hetto Hemmema en degene die de teksten verzorgde Goffredus van Doengisterpo, die via zijn verblijf in Zwolle of Keulen met de Broeders in kontact was gekomen. Na de dood van Hemmema in 1489 zou de drukkerij in BERLIKUM zijn geliquideerd en mogelijk voortgezet door de Collaciebroeders in Gouda, die na 1491 er zowel de in omvang als gebruikte lettertypen afwijkende casus longi zouden hebben gedrukt. Het verhaal blijft evenwel speculatief.
RESOLUTIËN en PLACAATEN van hen edel mogende Heeren Staaten van Friesland (1570 - 1780) wêr ûnder oare :
Ignatius Kingma aangesteld tot Sergeant Majoor te Paarde van’t nieuw geformeerde Regiment, uit de zeven oude Compagniën Cavallerie, den 14 Febr. 1662.
Id. De Suspencie van Kingma gerenvoyeerd aan’t Collegie den Heeren Gedeputeerden, den 10 Aug. 1667.
Id. Genomineerd tot Collonel te Paarde, den 25 Febr. 1671.
Geaccordeerd aan de Armvoogden van BERLIKUM, te mogen heffen een Belasting tot onderhoud der Buiten Armen, den 26 Febr. 1754.
Bevestigingsmaaltijden der Predikanten ten Plattelande in deze Provincie afgeschaft, den 5 May 1774.
Aan de Bode Hendrik van Theeken geaccordeerd 12 Goudguldens in plaats van een Schuite Turf, den 2 April 1740. (Hy was op 8 Maart 1736 aangesteld tot loopende Bode van’t Mindergetal.)
Doopsgezinden – Geresolveerd dat de Doopsgezinden aan den Lande zullen opschieten 500.000 Guldens tegen 5 cent per cent, des wordende verschoond van’t dragen van Wapenen, den 3 Maart 1666.
Út súpra van 400.000 Guldens tegen 4 per cent, mits genietende vrijheid van Religie, en van de generale uitschot van wapenen, den 28 Febr. 1672.
M. Hajonides verklaard tot Predikant te BERLIKUM, den 1 July 1658.
Marsuma Zathe (Marsma ûnder BERLTSUM) Ter accordeeren met de geïnteresseerden over de ontruiming van Marsuma Zathe, by sententie van den Hove aan hun Edelmogenden toegewezen, den 21 Febr. 1663. - Commissarïen gemaakt om de voorschreven Zathe te verhuuren, den 12 Febr. 1664.
Resolutie nopens de verkooping van Marsuma Zathe, en eenige andere postjes tot het Comptoir der Domeinen toebehoorende, den 11 Maart 1767.
Een pondemaate Lands tot Marsuma Zathe toebehoorende, op zekere conditiën af te staan aan Jr. Georg Frederik Baron thoe Schwartzenberg, den 9 July 1771.
BERLIKUM – Tot opbouw van een nieuwe Kerk te BERLIKUM 100 Ducatons uit ‘s Lands cas geaccordeerd, den 11 Maart 1779.
DE vrijheid om alleen op’t Bildt te mogen jaagen, aan Hooggemelde Graav Willem Frederik gegeeven, den 30 Maart 1650.
---------------------------------------------
INWENDIGE ZUIVERING VAN DE PAAPSE RESTEN IN DE KERKEN
Op 30 juni 1580 makken Deputearre Steaten fan Fryslân bekend dat hja, neist it tsjerklik sulverwurk, bestimd foar muntslach om dêrmei troepen byinoar te bringen, ek de klokken foarderen om dêr geskut fan jitte te litten. Dêrom joech luitenant-steehâlder Merode op 21 augustus 1580 oan groepen ljouwerter timmerlju opdracht yn tsientallen doarpen de klokken, ôfsjoen fan ien nei kar fan de ynsittenden, út de tuorren te heljen, en mei help fan de doarpsbewenners, nei it neiste tichtbywêzende farwetter te bringen. Dochs binne hjir en dêr mear klokken hingje bleaun. Sa hat Kimswerd om 1880 hinne noch twa klokken út 1525. Mullum ien fan 1473 en in net datearre klok, Nicolaus hjittende. Is BERLTSUM doe sa ek ien fan syn (twa) tsjerkeklokken kwytrekke ? Yn 1663 krige BERLTSUM (wer) in twadde liedklok. Dizze grutte (manlju’s) klok, ek wol de banklok neamd, hinget no yn Mannheim yn ‘e toer. Ynwindich waard de tsjerke ek súvere fan de roomske ynventaris. Yn WIER waarden twa alters weibrutsen “ons gaman (doarpsgenoat) Herke Jacopsz maakte daarop het koor netjes in orde en zette de stenen op een stapel, dit voor 9 stuivers”. It befel fan de Steaten om alle tsjerken te súverjen fan “overblijfselen des Pausdoms” waard ek min útwurke. Menaam hie yn 1628 noch in grut krúsbyld yn de tsjerke. De Menamer dûmny Lambertus Johannes soarge der úteinliks foar dat it krúsbyld op in wein laden en nei Ljouwert ferfierd waard. Harns naam de aartsingel Michaël wol fuort út syn wapen, mar hy kaam yn it midden fan de 17de ieu op de Westertsjerke te stean (letter ferhúze hy nei de stêdhústoer). In protte (tsjerklike) keunstwur- ken binne jammergenôch sa fuortrekke. Yn it súden fan ús lân is folle mear fan it ferline bewar- re bleaun.
HOOGST AANGESLAGENEN FRIESLAND 1697
Staat van personen, die op L. 10.000,- en daarboven in de quohieren van de 100ste penning staan aangeslagen, en die volgens resolutie van haar Ed. Mog, in dato der opschot aan den Lande moeten doen.
Yn Menameradiel û. o. binne dat :
Folckert Ernstes te BERLIKUM L. 10.000.- Doeke Hemmema (op Hemmema State) L. 30.000,- Cornelis Visscher te BERLIKUM l. 10.000,- Romke Jansens te BERLIKUM L. 10.000,- Godschalk van Knijff te WIER (op Lauta State) L. 25.000,- Folckert Gerrolts onder CLOOSTER ANJUM L. 14.000,- Gustaaf Carlson (grave op Groot Terhorne) L.150.000,- Gerloff Sybes (Baard) te Deinum / Beetgum L 10.000.
FOLCKERT ERNSTES
Folckert Earnstes (* plm 1580) wie boaske mei in dochter fan Nanne Gerrolts (1540-1605) boer op “de Hondert” en Auck Hoytesdr. (* plm 1545) út it KLEASTER ANJUM. Soan Ernst Folckerts (* 1610-1657) boer te WIER op De Winkel wie op 24-11- 1632 foar it gerjocht fan Ljouwerteradiel boaske mei Saep Watses Unia fan Stiens . Harren dochter Saap Earnstes Unia (* plm 1635) wie op 26-12-1658 te Minnertsgea troud mei Ruurd Valerius van Dambits en harren oare dochter Auckien Earnstes Unia (* 1632-1676) wie op 18-5-1656 te BERLTSUM boaske mei Laes Folperts Baerdt ( *1615 te Ljouwert). Dy harren dochter Sytske (Syke) Laesdr. Baerdt (1635-1669), doe as widdo fan Tiette (Titus) Folperts Baerdt, troude nei syn ferstjerren mei de Berltsumer dûmny Godefridus Viglius (* plm. 1630-1691)
Soan Folckert Ernstes (Unia) (* 1640-1698) troude yn 1694 mei Aeltie Cornelis Gelder (* plm. 1645). Harren neikommelingen Saapke en Cornelis en de bern neame harren nei memme’s namme : van Gelder.
LÂN OP IT BILT
Kwitantie van Frederik, pastoor te WIER, Hilbrandus, pastoor in BERLIKUM, Sextus syntum ?, pastoor te Beetgum, Heino, vicaris te BERLIKUM, Ulbe, prebendaris te WIER en Tyaart, prebendaris te BERLIKUM, voor (rentmeester) Jan Rataller, ten bedrage van 67 gulden en 4 stuivers, voor de ontvangst van een Utrechtse goudgulden voor elk pondemaat die zij op het Bildt hebben. Gegeven op 7 augustus 1508. Expeditie.
REFRIDUS (Ruurt) ROORDA, geb. plm 755
Men verdeelt deze zeer oude aanzienlijke, machtige familie in 3 takken : waarvan men de eene Roorda van Tzummarum noemt, naar de voornaamste bezittingen van het oude stamhuis, of wel “Roorda met den halve maan”, naar het wapen dat de Roorda’s van Tzunmmarum voeren. De tweede tak noemt men “Roorda met de baar”, naar hun lambét , voorkomende op het schild, door hen als wapen genomen. De derde “Roorda van Genum” naar de hoofdzetel of “Roorda met het Moriaanshoofd”, naar de kop op het wapenschild. Refridus Roorda troude met Jel Ludigman. Zoon Godefridus (Goffe) Roorda, geb in 785, trouwde in plm 830 te Tzummarum met Ydtie Eites Forteman .Kind uit dit huwelijk Johan Goffes Roorda, geb. plm 845, trouwde met Syts Douwes Hermana. Zoon Ruurt Johans Roorda, geb. plm 900, trouwde met Hil Haersma, kind uit dit huwelijk Sybren Ruurts Roorda, geb. na 945, trouwde met Hil Harings Asega. Kind uit dit huwelijk Haring Sybrens Roorda, geb. plm 995, trouwde met Popck Bonga thoe Bongahuis, geboren plm 1000 in BERLIKUM, te BERLIKUM. Hun zoon Ruurt Haringhs Roorda, geb. plm 1040 te Tzummarum, trouwde met Ansk Joannama Camstra , geb te Kubaard in 1042. Zoon Goffe Ruurts Roorda is geboren te BERLIKUM en overleden in 1142 te Spannum. Hij, Goffe Roorda thoe BERLIKUM en SPANNUM, trok tweemaal naar het Heilige Land, eerst in 1096 met enige andere Friese edelen. Voor de tweede maal toog hij in 1101 met een groep Friese edelen naar Jeruzalem. Zijn zoon Frans Goffes Roorda, geb. plm 1130 te BERLIKUM is te Jeruzalem overleden in 1180 en zijn kleinzoon Johan Fransz Roorda , geb. te BERLIKUM plm 1170 is eveneens in 1224 te Jeruzalem overleden.
DE MODERNE DEVOTIE
was een hervormingsbeweging die zich tegen al het uiterlijk vertoon van de kerk keerde en de nadruk legde op de verinnerlijking van het geloofsleven. Het afschrijven van boeken was de voornaamste inkomensbron. Enkele kilometers ten noorden van Sneek bij het dorp Tirns, werd in 1406 door Rienck Bokkema het klooster Thabor gesticht. Het verbond zich met de Windesheimer Congregatie. Een modernedevotiereis door Friesland zou ook naar andere plaatsen kunnen leiden waar de beweging zich vestigde: onder meer Staveren, Bolsward, BERLTSUM, Leeuwarden. De bekende Worp van Thabor beschrijft in zijn Chronicon Frisiae, een geschiedenis van Friesland, bijvoorbeeld de roemvolle daden der Friezen in de Kruistochten. Men zag het afschrijven, schrijven en verspreiden van niet alleen stichtelijke boeken als een effectieve vorm van apostolaat.
IT WIERSTER (GOATYSKE) DOOPFET
Der wiene om 1570 hinne sa’n 2000 doopfetten yn Nederlân. Dêrfan binne 160 bewarre bleaun. Dat is plm 8% dy’t de Reformaasje oerlibbe hawwe. Dat de doopfetten ferwidere binne sil te krijen hâwn hawwe omdat se fakentiden mei hilligen fersierd binne. It Wierster doopfet waard yn 1881 yn de grûn fûn doe’t yn 1881 de sealtektoer ferfongen waard troch de hjoeddeistige toer mei in spits. Dit eardere Wierster doopfet is destiids skonken oan it Frysk Genoatskip.
DE BÛTENKELDER
Yn de grêfkelder fan de sibbe van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg yn de Bitgumer Martinustsjerke is no noch mar ien kiste te sjen. By de restauraasje tusken 1972 en 1980 is yn oerliz mei de famylje besletten alle resten fan de foarâlden yn dy iene kiste te bergjen. Sûnt 1859 hat de sibbe op it tsjerkehôf oan de eastkant fan de tsjerke no in goed 3 meter djippe grutte bûtenkelder. Yn 1858 bouwe litten troch de fa. S. Reisma mei fan it Berltsumer tichelwurk oanleverde giele stientsjes. Opdrachtjouwer sil nei alle gedachten Baron Georg Frederik van Schwartzenberg (1791-1868) west hawwe.
DR. J. KWAST sr. 60 jier húsdokter
Hy waard berne op 4-10-1877 te Koudekerke en is opwoeksen yn Bleiswijk wêr’t syn heit húsdokter wie. Hy is op 7-5-1904 dokter wurden en hy promovearre yn 1908. Hy learde syn frou kennen dy’t haadsuster wie yn Amsterdam. Hy fêstige him yn BERLTSUM yn 1908. Hy droech yn 1945 de praktyk oer oan syn soan. Syn ynteresses wienen fûgels en oare bisten, grafologie en itaaljaansk. Syn hobby wie timmerjen.
NOCHRIS IN TEORY OER DE BONGASTINS
Yn de Beneficiaalboeken fan Fryslân út 1543 wurdt de pastorije fan BERLTSUM neamd as eigner fan 8 pm lân efter de pastory lizzende en dêrneist ten westen dêrfan as neistlizzende eigner fan lân wurdt neamd in Schelte Roorda, dy’t ek de eigner wie fan de Bonga stins. Om 1800 hinne is in Gjalt Reitsma de eigner fan al it lân efter de pastory en de tsjerke, de Bûterhoeke neamd. (no al de húzen dêrop steande yn de sa neamde Molestrjitte omdat hjir letter op dit plak yn de Bûterhoeke earder houtseagmole “de Hoop” stie). Al it dêrop oanlizzende lân fan Reitsma rûn fanôf de Bûterhoeke oer de Eastynjeopfeart de Wiersterfeart (Moddergatsfeart) bylâns nei de pleats “Oosterwal” te WIER by Wiersyl ta, wêr’t hy de eigner fan wie. De state “Oosterwal” stie earder oan de oare kant, dus oan de Berltsumer kant, fan de Wiersyl mei al dit hjir lizzende lân en foel dus ûnder BERLTSUM . De namme Bongahoeke ten westen fan BERLTSUM soe ôflaat wêze kinne fan de eardere namme fan “Oosterwal”, te witten “Bonga stins” wêr’t de hjir neamde jong ferstoarne Schelte Roorda eigner fan wie. (Bonga >Bûter hoeke ??). Troch it saneamde niaarnimmen soe dit pastorijelân letter as ek tabehearrend by de pleats “Oosterwal” kommen wêze kinne.
Yn 1546 ferkocht Syrck Scheltes Aesterfal of Aesterfalgh in jierlikse rinte út dizze buorkerij. Hy wie boaske mei Jel van Donia, de dochter fan Tiebbe Durcksz (van Donia)en Frouck Sickesdr Unia. Yn 1566 “olt van jaaren zijnde”, pas widner wurden fan Jel, wenne Syrck Scheltes Aesterfal “toe Donije” (Donia) yn it boarskip Lyaersma ûnder Menaam. Dizze sate wie nei alle gedachten ôfkomstich fan syn frou. Hy is stoarn op 29-11-1572 en waard yn de tsjerke fan Menaam begroeven neist syn frou Jel Donia, dy’t him op 24-2-1566 foargien wie.
Yn 1640 wie grytman Tjalling van Eysinga fan Menameradiel de eigner fan “Oosterwal” en waard de stins ek wol “Eysinga state” neamd.
Oaren tinke dat de Bonga stins wolris op it Heechhiem stien hawwe koe. Sjoch mear hjiroer yn dit e-book.
HINCKENA VAN HINCKENBORCH / FULLENIUS / COEHOORN
Nathanaël Fullenius, doopt te Ljouwert op 1-10-1606, medicinae doctor te Ljouwert is om 1656-1657 hinne fan Teerns nei BERLTSUM kommen te wenjen. Hy hat hjir net lang dokter west want hy is al tusken 27-10-1657 en 10-7-1658 stoarn. Hy wie op 28-12-1636 te Britsum boaske mei Catharina Hinckena van Hinckenborch, in dochter fan de eardere Berltsumer dûmny Jkhr. Henricus Hinckena van Hinckenborch (1595-1597). Nei it ferstjerren fan harren man ferhúze Catharina mei harren dochter Hendrikje yn 1658 fan BERLTSUM nei Frjentsjer. Har suster Aeltje Hinckena van Hinckenborch troude op deselde dei as harren suster Catharina mei de luitenant, letter kaptein Gosse (Gosewinus) van Coehoorn, hja binne de âlders fan de bekende fêstingbou- kundige Menno van Coehoorn. Har oare suster Ebel H. v. H. troude mei de bekende Frjentsjerter professor Bernardus Fullenius. Harren soan Sethus Fullenius wie û. o. dûmny yn WIER. (1672-1675)
STAD AAN ’t HARINGVLIET
Twa Berltsumer dûmny’s binne dûmny west yn Stad aan ’t Haringvliet t. w. de grifformearde dûmny Lubbert L. Loosman en de herfoarme dûmny Pieter van Wakeren. As ien fan de tsjerken hjir yn BERLTSUM fan binnen in opknapbeurt hawwe moast, mocht men elkoars tsjerken samar, sûnder betingsten, foar de earetsjinsten brûke. Dat gie yn Stad aan ‘t Haringvliet net samar. Sa waard yn 1911 troch it herfoarme tsjerkebestjoer oan de grifformearde tsjerkeried ris frege oft men de grifformearde tsjerke brûke mocht, omdat de herfoarme tsjerke in likje ferve hawwe moast. Dêr moast flink oer fergadere wurde. Allerearst waard der in manlju’s gearkomst byinoar roppen, dy’t lykwols net ta in ôfspraak komme koe, omdat de gesangen, dy’t men yn de herfoarme tsjerke went wie te sjongen, wifelingen oprôpen. Mochten dy hjir yn ús tsjerkegebou klinke ? Dêrom waarden oan twa tsjerkejuristen t. w. prof. dr. F. L. Rutgers (1836-1917) fan de Frije Universiteit en prof. dr. Harm Bouman (1863-1933) de eardere Berltsumer grifformearde dûmny) fan de Teologyske Hegeskoalle te Kampen, frege wat hja hjir fan fûnen. Prof. Rutgers fûn dat der yn elts gefal yn de tsjerke gjin modernistyske leugenlear ferkundige wurde mocht. Hy advisearre lykwols it net te dwaan. Hoe’t de eardere Berltsumer grifformearde dûmny Harm Bouma hjiroer tocht, is my net bekend.De tsjerkeried stie it úteinliks dochs ta. Mar stelde as betingst dat de Wierheid preke wurde moast neffens de Skrift en Belidenis, ter beoardieling oan de konsjinsje fan de fersikers, de herfoarme tsjerkeried. Mar de herfoarmden hiene der al lang gjin sin mear yn en skriuwen werom, dat hja fan de grifformearde tsjerke gjin gebrûk mear winsken te meitsjen, dit om de wize wêrop jimme beskikking ús meidield waard.
Beide tsjerken binne pleatslik no net fusearre mar behearre beide by de P.K.N. De Herfoarme tsjerke (plm 400 leden) dêr beheard sûnt 1939 ta modaliteit de Grifformearde Bûn en sûnt dy tiid wurde dêr ek gjin gesangen mear songen en wurde der sneins twa tsjerketsjinsten hâlden. Dit yn tsjinstelling ta de Grifformearde tsjerke dêr (plm 200 leden) dy’t sneins ien tsjerketsjinst hâlde en dy’t dêr neist de psalmen no ek de gesangen sjonge út it Lieteboek foar de tsjerken. “Het kan verkeren”, sei Brederode eartiids al.
BIDDELJEN
Oant de Reformaasje wie biddeljen in protte foarkommend ferskynsel yn Jeropeeske stêden. De Roomske tsjerke lei de klam op de goede wurken. Minsken moasten goede wurken dwaan om harren sûnden ferjouwe te litten en harren gong nei de himel te fersekerjen. Beide behoeften , dy fan de earmen en de riken kamen sa byinoar. Earmen hiene jild nedich en jild jaan wie in goede manier om goede wurken te dwaan. Maarten Lúther wie it net iens mei dizze praktyk. Lúther wie net allinne tsjin de ôflaathannel mar ek mei de rol fan it leauwen dêryn. Lúther bepleite in dúdlik ûnderskied tusken de rol fan de tsjerke en de oerheid yn it deistich libben. De rol fan de tsjerke wie rjochte op it geastlik libben. Dêrmei wie yn syn eagen de oerheid ferantwurdlik foar it wolwêzen fan syn ynwenners en boargers. It stypjen fan de earmen waard dêrmei in rjocht foar de earmen. Johannes Calvijn wie in oare miening tadien. Om yn harren bestean te foarsjen wie it net goed as minsken oanwezen waren op oaren : hja moasten troch wurk harren brea fertsjinje. Wurk wie in absolute plicht en moast disiplinearre plakfine. Om earmen yn steat te stellen yn harren bestean te foarsjen waarden tuchthúzen stifte, want dat wie better as earme minsken sa mar jild te jaan. Dat soe alliine mar soargje foar in netdisiplinearre hâlding fan de befolking. Biddeljen waard dan ek strang straft. Dêr tsjinoer fûn Calvijn ek dat de earmen gjin rjocht hiene op stipe : allinne troch te wurkjen yn de tuchthúzen wie der in foarm fan oerheidsstypjen. Sa wie yn Skandinavië al earder in wichtige rol foar de sekuliere oerheid weilein, ek de opbou fan de fersoargingssteat. De Lútherske tsjerke stipe dit dan ek fan miet ôf oan. Yn lannen mei in kalvinistyske tradysje kaam de opbou let of eigenlik hielendal net ta stân, as bygelyks yn Amearika. Ek yn roomsk oriëntearre lannen waard de oerheid gjin wichtige rol gund. Dy taak wie foarbehâlden oan de tsjerke en oare ynstellings en net oan de steat. Op lokaal nivo binne de tsjerken en oare ynstellings aktyf. In lanlik dekkend ûnderstypjend oerheidspro- gramma ûntbrekt. Sawol yn de roomske as yn de kalvynistyske lannen kenmerkt it systeem harren as súnich, dit yn tsjinstelling ta de lútherske lannen wêr’t in genereuze fersoaringssteat opboud is. Hjir yn BERLTSUM waard ek wol biddele, mar de plysje seach der altiten strang op ta
KINDERTREINEN redden in 1922 vele kinderlevens
Ongeveer 150.000 (zeer zwaar ondervoede)Hongaarse kinderen werden in 1922 naar Nederlandse en Belgische pleeggezinnen gestuurd om aan te sterken. Zo werden hier ook in BERLIKUM Hongaarse kinderen opgevangen. De meeste kinderen bleven een paar maanden. (enkelen van hen bleven hier hangen, zie voor meer hierover in dit e-book by Imre Medgyes cs.). Hongarije en Oostenrijk (tot 1918 een dubbelmonarchie) kwamen straatarm en als verliezers uit de Eerste Wereldoorlog. Het rijk viel uiteen en vooral Hongarije verloor veel grondgebied. Aan van alles ontstond een tekort. Het land kon zijn eigen kinderen niet meer voeden. Door hulpor- ganisaties en plaatselijke comités - ook in Fryslân - werden inzamelacties opgezet om hulp naar door de oorlog getroffen landen te sturen. Ook werd geld ingezameld om kinderen tijdelijk op te vangen en te verzorgen. Vanaf februari 1920 reden zo meerdere kindertreinen van Oostenrijk en Hongarije naar pleeggezinnen in Nederland en België.
AUKE ADEMA
By de Âlve stêdetocht fan 1941 folgen inkelde foaroansteande nazi’s fanút de auto de wedstriid. De Beauftragte fan de Rykskommissaris foar Fryslân en in propagandalieder besochten Boalsert, Warkum , Hylpen en Starum. De hearen wiene fernuvere oer de rydkapasiteiten fan de koprinners en genoaten der tige fan. De Rykskommisaris foar Fryslân gie de oare deis sels nei Frjensjer ta om de winner Auke Adema (letter wenjend yn BERLTSUM) persoanlik te huldigjen, noch hieltiten fernuvere om it gigantyske trochsettingsfermogen om sa’n ôfstân reedridend ôf te lizzen. Yn dat jier waard lykwols “Om de Noard” riden, ofwol mei Dokkum as earste stêd nei de start, yn stee fan Snits. It soe de lêste kear wêze dat dit barde, want troch de grutte drokte ûnder de tocht op it iis tusken Bartlehiem en Dokkum fûnen tige swiere ûngelokken plak. Werom kearjende wedstriidriders fanút Dokkum knalden yn it donker tsjin toerriders op, dy’t noch ûnderweis wiene nei de earste stimpelpost. Sûnt 1942 is de Âlve stêdetocht dêrom altiten “Om de Súd”.
DE MUZYKTINTE
Yn BERLTSUM giet it ferhaal, dat de muzyktinte yn it Iepenloft Museum (het Zuiderzee Museum) yn Inkhúzen in replika is fan de Berltsumer muzyktinte. Dit wurdt ek werjûn yn dit e-book. It Iepenloft Museum jout lykwols oan dat dit net sa is. De muzyktinte dêr is in replika fan de Warkumer muzyktinte.
GOUDLEAR
Yn it wenhûs fan de destiids yn BERLTSUM wenjende tige begoedige Hotze Quader wiene de muorren behongen mei goudlear. Foardat der mei linnen wurke waard, waard goudlear as behang ophongen, wat û. o. no noch te sjen is oan it lewant yn de stêdhúzen fan Snits en Frjentsjer. Ek yn it Prinsessenhûs yn Ljouwert en yn Huize Voormeer yn it Hearrenfean is noch goudlearbehang te finen. Dat wie yn de sântjende en yn it begjin fan de achttjende ieu. Yn de perioade dêrfoar waarden der muorrekleden ophongen. It meitsjen fan goudlear waard “patsen” neamd. In “patser” wurdt no noch immen neamd dy’t oerdreaun mei syn rykdommen pronket. Dizze muorredekoraasjes fan fyn lear (meastal fan keallehûden dy’t ta banen fan 78 sintimeter breedte oaninoar lime binne) wie in muorrebeklaaiing wêrop ôfbyldings fan blêdsulver befêstige waarden en ôfdutsen mei in goudkleurige glâns. Goudlearbehang tsjinne ta it behingjen fan fertrekken yn stee fan muorretapiten. Goudlear is it bêste te ferlykjen mei in skilderij dat net op doek, op hout of koper skildere is , mar op lear.
GERRIT LANGERAK
De eardere yn 1947 te Amsterdam berne Berltsumer skoalmaster oan de iepenbiere skoalle, Gerrit Langerak (tr. m. Ansje), wennet no as pensjonearre skoalmaster yn Sint Nyk. Hy hat in grut talint foar skilderjen en dat sit yn de genen. Syn heit koe ek tige goed skilderje en tekenje. Nei syn ôfskie fan it ûnderwiis kaam syn skildertalint foaral oan’t ljocht. Yn de poëziealbums fan in protte Berltsumer famkes makke hy altiten in persoanlike tekening. Mei jierdeis, Kryst en Sinterklaas fregen kollega’s of’t hy moaie tekeningen op it griene skoalboerd meitsje woe mei pastelkryt. Hy hat in protte fan syn wurk tentoansteld. Hy koe foaral prachtige wolkenpartijen en fiersichten skilderje.
ERIK van MUISWINKEL
De bekende lytskeunstner, akteur, sjonger en t.v. presentator Frederik Leendert (Erik) van Muiswinkel stamt fia syn oerbeppe (fan heite’s side), Jeanne Sikkel, ôf fan dûmny Sikkel út Hylaard (letter dûmny yn Amsterdam) dy’t hjir yn BERLTSUM de grifformearde tsjerke ynstallatearre hat. Yn syn wenhûs yn de Vondelstraat yn Amsterdam is in stien yn de muorre mitsele mei syn byltnis yn reliëf útfierd yn Oberkirchener stien troch de byldhouwer Dirk Polet mei de ûndersteande ynskripsje : Hier woonde en werkte Johannes Cornelis Sikkel van 1908-1920. Dûmny J. C. Sikkel wie in grut bewûnderer en folger fan dr. Abraham Kuyper. Jeanne Sikkel, tr. m. Michiel van Muiswinkel, wie de skoansuster fan Pieter Sjoerds Gerbrandy, yn 1911 tr. m. Hendrina Elisabeth Sikkel, dy’t ûnder de Twadde Wrâldoarloch minister-president fan de oarlogskabinetten yn Londen wie. Hendrina Elisabeth wie de âldste suster fan Nicolaas Johannes Sikkel (1898-1914), Nederlânsk substitút-offisier fan Justysje yn Haarlim, dy’t ûnder de Twadde Wrâldoarloch in wichtige rol spile hat yn it ferset yn Noard-Hollân. Nei de oarloch wie hy as prokureur-fiskaal by it Bysûndere Gerjochtshôf yn Amsterdam nau belutsen by de ferfolging fan oarlochsmisdiedigers en kollaborateurs. Hy groeide op yn in miljeu dat sterk anty-kommu- nistysk en anty-semitysk tinte wie.
KWAB ORNAMINTYK
Wa’t de muoite nimt omheech te sjen nei histoaryske húzen kin samar oanstoarre wurde troch gesichten op gevels dy’t meunstereftich oandogge. Dizze gevel ornaminten (fersieringen) fan stien of hout binne 17de ieuske stylfoarmen dy’t oerwaaid binne fanút Hollân nei it Noarden. Ek Fryske bekende edelsmidden as de fan BERLTSUM ôfkomstige Claas (ofwol Nicolaas) Algers Mensma, Claas Baardt en Rintje Jans sloegen oan it kwabben . Dizze snakerijen (geintsjes)binne oarspronklik bedoeld om minsken op it ferkearde spoar te setten. In snaak is immen dy’t in oar foar de gek hâld mei syn snakerijen. De Fryske keunstners seagen de kwabkeunst regelmjittich ôf by harren kollega’s yn Amsterdam. De Berltsumer Claas Algers Mensma hat ek yn Amsterdam wenne en wenne letter yn Ljouwert. (Mear oer him is te lêzen yn dit e-book)
LATSMA (Longerhou)
Yn 1587 ferkeapje Cornelis Jansz, rjochter te Britsum, en Jurgen Harincksz. te Menaam, as fâden oer Teth, de weesdochter fan wln Claes Jansz by Pietrick Freddercks, by dekreet ca 6 pm yn Latsma saete (Longerhou) te BERLTSUM.
Noch eat oer de eardere eigners fan MARSMA SATHE
Arjen Heeres, wenjende te BERLTSUM, wurdt fanôf 1741 oanslein yn de personiele belêsting kohieren fan Menameradiel. Hy komt te ferstjerren op 13-1-1782. De erven binne : Heere Sjoerds te BERLTSUM, Arjen Sjoerds te Inkhúzen, Pytter Sjoerds van Dokkumburg te Koog (N. H.), Jan Sybes en Freerk Dirks fanwegen harren mem Aechtje Heeres ( te Tietsjerk). Arjen Heeres blykt foar 1/3 eigner te wêzen fan de Sathe Marsma lizzende ûnder BERLTSUM. Aechtje Heeres en de erven Grietje Heeres binne ek foar 1/3 eigners fan de pleats. Brûker is Heere Sjoerds te BERLTSUM. Hjirmei is de ôfkomst fan de erfgenamten ek dúdlik. Heere Sjoerds, Arjen Sjoerds en Pytter Sjoerds binne de soannen fan de eardere Berltsumer minniste dûmny Sjoerd Pieters van Dokkumburg dy’t op 18-4-1734 troud wie mei de fan Sint Jabik ôfkomstige Grietje Heeres. Freerk Dirks en Jan Sybes binne de soannen fan Aechtje Heeres út respektievelik harren 1e en 2e houlik. (Fryske Akadeemje, sjoch fierder hjiroer it Genealogysk jierboek 2018)
Aechje Heeres (ca 1703 te Westernijtsjerk berne op in pleats dy’t yn eigendom wie fan it Sint Anthony Gasthuis te Ljouwert - 1788 te Tytsjerk) wenne as boerinne op de Kleingeest ûnder Tytsjerk op stimnûmer 2 en is dêr ek stoarn. Hja troude te Gytsjerk op 28-11-1723 mei Dirk Sybrens, hy fan Gytsjerk, hja fan Sint Jabik. Sybren wie boer en kooiker op de Kleingeest ûnder Tytsjerk. Aechje troude yn twadde boask op 27-4-1737 mei Sybe Jans, boer en kooiker op de Kleingeest op stimnûmer 3, dy’t frijfeint wie, harren buorman. Heere Wybes, berne te Menaam, bouboer en weesheit (1698-1712) is stoarn te Sint Jabik om 1722 hinne. Hy troude te Minnerts- gea op 9-6-1695 mei Fouw Scheltes (berne yn it Kl. Anjum ?), boerinne en weesmem, wenjende yn it Kl. Anjum (1695), Westernijtsjerk (1698-1712) en Sint Jabik (1712-1733) as Biltpachter op stimnûmer 20 te Sint Jabik. (yn 1708 in Tjomme Hanses, yn 1698 in Cornelis Folckers Gelder en yn 1728 syn widdo en de bern. Stimnûmer 20 is de Âlde Finne oan de Hegedyk ûnder WIER efter de hjoeddeistige radarpost dêr.
Grietje Heeres, berne te Westernijtsjerk foar 1712, doopsgesind, doopt op belidenis te it Hearrenfean op 4-2-1735, wenjende te Westernijtsjerk, Sint Jabik, it Hearrenfean en Inkhúzen, stoarn foar 1778, troude te Sint Jabik op 21-4-1734 (hy fan it Hearrenfean, hja fan Sint Jabik) mei Sjoerd Pieters van Dokkumburg, minniste foargonger, wenjende te BERLTSUM, It Hearrenfean en Inkhúzen. Hja is in suster fan Aechje (Agatha) Heeres, de dochter fan Heere Wybes, berne te Menaam, bouboer en weesheit dêr (1698-1712) en Fouw Scheltes (berne yn it Kl. Anjum ?) boerin en weesmem, wenjende yn it Kl. Anjum, Westernijtsjerk (foar 1698-1712) en Sint Jabik (1712-1733) en dêr stoarn. De soan Heere fan Sjoerd Pieters van Dokkumburg keart letter werom nei BERLTSUM en is de stamheit fan de Berltsumer van Dokkumburgs.
Heere Wybes, doe wenjende op in pleats te Westernijtsjerk, ferkeapet op 15-4-1710 in hûs en bakkerij te BERLTSUM, yn gebrûk by Heere Sickes, oan in Hanso Gyso, âld-luitenant fan in kompanjy te foet en Hylckje Arentsma, echtelju wenjend binnen Ljouwert foar 900 car. gûnen (it hûs en bakkerij is ôfkomstich fan tante Trijntje Heeres, dy’t boaske wie mei Jelte Gabes dy’t yn 1688 in bakkerij kochten yn BERLTSUM. Boppeneamde Heere Wybes wenne koart dêrnei yn 1712 as Biltpachter op in pleats (stimnûmer 20) ûnder Sint Jabik.
Pieter Sjoerds van Dokkumburg, de soan fan Sjoerd Pieters van Dokkumburg wie, krekt as syn heit, ek dûmny en Zonnist. Hy wie berne te Venhuizen (* op 22-1-1737 en is stoarn te Koog aan de Zaan op 2-5-1811. Hy wie dûmny te Zijpe Noord (1758-1763), Twisk-Abbekerk (1763-1770) en Koog aan de Zaan (15-5-1770-1811). Hy fierde syn 50 jierrich amtsjubileum op 15-5-1808 en stie tige geunstich bekend as oplieder fan leararen.
(* Yn 1733 hie de Wetterlânske gemeente te Venhuizen harren ferienige mei dy fan op het Zand. Ta learaar by dizze kombinearre gemeente waard noch yn datselde jier fan it Hearrenfean beroppen Sjoerd Pieters van Dokkumburg.
ROORDA
Noch eat oer de eardere hierders fan de pleats, no húsnûmer 4, yn it KLEASTER ANJUM
( yn it lêstoan bewenne troch de opfolgjende eigners Bouke en syn soan Arjen Bouma)
Arjen Freerks Roorda (Roda) berne te Suwâld op 2-11-1763, wenjende Suwâld, Stiens, bouboer te KLEASTER - ANJUM (1815-1828) en Jelsum (1828-1837), stoarn te Jelsum op 24-2-1837, troude te BERLTSUM op 12-6-1791 mei Jantje Pieters (Posthumus) (hy fan Stiens, hja fan BERLTSUM). Jantje Pieters, dochter fan Pieter Pieters (Posthumus) en Ytske Pieters, berne yn 1756 te Holwerd is stoarn op 20-11-1843 te Jelsum. Harren âlders moasten yn 1815, as hierders, de gebouwen fan de buorkerij yn it KLEASTER - ANJUM (stimnûmer 2) keapje tsjin de taksaasje wearde fl. 3870,- . Yn 1833 keapje hja de hiele buorkerij fan de eigners. Bern út dit houlik binne : Bauke Arjens Roorda, berne ca 1793 en Ytske Arjens Roorda, berne op 4-11-1799. Arjen Freerks Roorda (Roda) en syn suster Grietje hawwe nei alle gedachten harren sibbenamme ûntliend oan de foarôfgeande pachters fan de buorkerij (stimnûmer 2) yn it KLEASTER - ANJUM. t. w. Tjerk Jacobs, ca. 1718, opfolge troch syn soan Jetze Tjerks (boer ca 1728 – ca. 1768) en syn pakesizzer Jacob Jetzes Roorda (ca 1768-1778), dêrnei opfolge troch Pieter Pieters (Posthumus) en Ytske Pieters, beide fan Holwerd en de foargongers fan Arjen Abrahams Heidanus en Grietje Freerks Roorda, de suster fan Arjen Freerks Roorda. Arjen Abrahams Heidanus en Grietje Freerks Roorda binne yn 1788 de hierders fan de pleats gr. 112 pm. oant maaie 1815 en waarden de opfolgers fan Pieter Pieters (Posthumus) en wln syn wiif Ytske Pieters (de skoanâlders fan de opfolgjende hierder Arjen Freerks Roorda, de broer fan Grietje Freerks Roorda.)
DE PEST ek wol neamd DE SWARTE DEA.
Ien fan de grutste pestepidemieën hat yn Jeropa hearske yn it midden fan de 14de ieu. Der moatte doe wol sa’n 25 à 50 miljoen minsken stoarn wêze oan de pest. (oaren sizze fan wol sa’n 50 à 100 miljoen) Dat wie sa’n ien/tredde fan de befolking fan doe. Yn dy tiid (om 1345 hinne) is ek de foarige doarpstsjerke fan BERLTSUM boud. Dizze tsjerke waard wijd oan de aartsingel Michaël dy’t yn de tiid fan paus Gregorius I. (de Grutte), om 590 hinne, sa giet de leginde, oan de himel feskynd wêze soe boppe it Mausoleum fan Hadrianus mei in blinkend swurd om de dêr yn Rome hearskjende pest te kearjen nei in protte boetedwaaning troch de wei fan it hâlden fan prosesjes troch de stêd. As neitins oan dizze ingel waarden yn Rome njoggen tsjerken oan Michaël wijd wêrûnder dit Mausoleum, wat dêrnei de namme fan “De Ingelenboarch” krige. De ienige no noch oerbleaune tsjerke yn Rome mei de namme “Michaël” is de ek wol saneamde “Friezensjerke”. (sjoch foar mear hjiroer yn dit e-book.) De wynwizer op de Berltsumer Koepel- tsjerke , mei dêrop ôfbylde de eardere Biskop fan Rome, paus Gregorius I., anneks mei de aartsingel Michaël, docht ús werom tinken oan ien fan de eardere pestepidemieën, dy’t oeral hearsken op de wrâld, sa ek hjir yn ús omkriten.
Dizze leginde hat nei alle gedachten te krijen en ferwiist nei it ferhaal wat yn de Bibel beskreaun wurdt yn it boek 1 Kroniken by haadstik 21, Wêrby’t kening David bestraft wurdt omdat dy yn syn grutkens in folkstelling hâlden hie om sjen te litten hoe sterk hy no wol wurden wie. By fers 14 en folgjend lêze wy : (as straf oer syn grutkens) “Dêrom liet de Heare in pest op Israël los en ûnder de Israëlieten foelen 70.000 slachtoffers. God stjoerde in ingel om dêr ferdjer te bringen, mar doe’t dat geande wie, seach de Heare dat ûnheil en it begrutte Him, Hy sei tsjin de ingel fan it ferdjer : Sa is’t genôch, lûk de hân werom ! Doe’t David de eagen opsloech, seach er de ingel fan de Heare tusken ierde en himel stean, it lutsen swurd yn ‘e hân, útstutsen oer Jeruzalem. Hy sei tsjin God : Bin ik it net dy’t my oan dit grutte kwea besûndige ha”.
De Herfoarme dûmny Aritius Sybrandus (Syb) Talma, de lettere A.R. minister, dy’t in protte (pas letter útfierde) sosjale wetten makke hat, hat by de ferkiezings foar de Provinsjale Steaten yn 1907, in protte ferkiezingstaspraken hâlden yn it lân, wêrûnder yn Bears, yn Frjentsjer en ek yn de Koepeltsjerke fan BERLTSUM. Yn syn foarige gemeente Heinenoord, wêr’t hy ek in taspraak hâlden hat, stie nei ôfrin fan dizze gearkomst, de swarte flagge , of ek wol neamd de “pestflagge” op de toer, wêr’t de besikers nei ôfrin fan dizze gearkomst doe tige fan skrokken binne. It betsjutte dat de pest yn it doarp útbrutsen wie. Letter blyk dit loas alaarm en in stunt fan syn politieke en de dêr tsjerklike A.R. (d.w.s. grifformearde) tsjinstanners te wêzen. Tige besmetlike slimme sykten as pokken, T.B.C. goalera en typhus, om mar in pear te neamen, kamen doe noch in protte foar.
SIXTUS van HEMMINGA
Een vergeten grootheid.
(Friesche Volksalmanak voor het jaar 1893 door P.J.D. van Slooten, blz. 35-60)
Volgens ds. Nota werd eene reeks van jaren geleden te BERLIKUM in een misboek o. a. deze aantekeningen gevonden (yn it Latynsk skreaun) over de verdediging van Hemmema State tegen de Groningers, dat de zwangere Bauck van Hemmema naar Groningen weggevoerd werd en daar is bevallen van een kind. Dat de ouders van Sixtus van Hemminga (Hemmema) waren Hector (Hette) van Hemminga en Barbara van Gratinga. Dat zij 4 zonen hadden t. w. Duco (Doeke), Regnerus (Rienck), Dominicus, Sixtus (Sierck), benevens een dochter Gerlanda, gehuwd met Frans van Dekema. De kinderen genoten een wetenschappelijke opleiding. etc. etc. .....
Dat Sierck (as wis en natuurkundige), lyk as Balthasar Becker in ieuw letter, ek in grut bestrider wie fan it byleauwen en de astronomy yn dy tiid. Sierck is berne te BERLTSUM op 6-2-1533 en stoarn op 15-4-1584. Yn 1563 boaske mei Asse (Ath) Bootsma. Op 13 jierrige âlderdom fine wy him yn Grins wêr’t hy fierder ûnderwezen wurd en letter op de universiteiten fan Keulen en Leuven. Hy wie net út op oerheidsfunksjes.
DE WAPENSTIEN YN DE GEVEL FAN DE HEMMEMAPOARTE
Lofts is ûnder op de alliânsjewapenstien is it wapen fan Hemmema en rjochts dat fan Gratinga te sjen. Barbara Sickes van Gratinga wie de frou fan Hette van Hemmema. Hette van Hemmema wie ien fan de Hearskippen dy’t Karel V. yn 1522 ynhuldigen en wie letter Grytman fan Menamera- diel. Sicke van Burmania hie syn namme letter feroarje litten yn Graetnia of Gratinga
WÂLEN en POARTEN / STÊDSBESTJOEREN
Dat wâlen en poarten gjin kenmerken wiene fan in stêd kenne wy al fan de âlve Fryske stêden. De measte binne pas yn de 14de en 15de ieu, by it tanimmen fan de ynlânske oarlogen, mei wâlen en poarten fersterke wurden. Sa binne de stêden Drylst, Warkum en Hylpen gjin fêstingstêden wurden en hawwe as ferdigening fan de stêd nea gjin wâlen en poarten hân. Snits is de ienige Fryske stêd dy’t alhiel mei muorren omwâle west hat. Hjir binne yn BERLTSUM ek gjin oanwizings foar. Wol wie hjir in soarte fan stêdsbestjoer. Nei wize wetten en feroarderingen, welke noch altiten foarhannen binne, waarden by jierlikse barwikselingen de stêden bestjoerd troch in Olderman, Boargemasters en Skepens, lykas de Gritenijen mei troch syn Bysitters en Rjochters. Oan alle fan harren wie mei harren it útoefenjen fan it rjocht, sawol yn boargerlike as yn strafsaken, opdroegen. Welke earder troch de Graaf, de Skout of Skelte, de Asega en de Frana mei troch it folk ferkeazen rjochters dien waarden. BERLTSUM hie destiids fanâlds (as doarp) in protte stimhawwende húzen. Soe dizze bysûnderheid hjir noch mei te krijen hân hawwe ? Doe waarden de rjochtsdagen of warstâlen en werven ûnder de iepen himel, almeast op tsjerke- hôven, letter yn of oan de tsjerken, hâlden. Hjirfan binne de Wûnser, (tink oan Wûnseradiel oant 2011) de Midlumer en Doniawarstâlen (tink oan de eardere gemeente Doniawerstal 1816-1983) of rjochtplakken no noch by namme bekend, en lykas war-keamers no noch oan somlike tsjerken fûn wurde.
TJALLING van EYSINGA
Der wiene yn Fryslân op ferskate plakken “Eysinga” States, ûnder oare yn BERLTSUM (*, Boerum, Sint Nyk en Oentsjerk, en dêrneist yn Beetstersweach en Ljouwert in Eysingahûs.. Fan Eysinga State yn Rinsumageast kin sein wurde dat dizze State de ienige echte fan de âlde Eysinga’s west hat. As âldste yn 1422 neamde Eysinga stiet Feye Asinga upper Gaest bekend. Feye wie boaske mei Etcke Bornhuistra dochter fan Liuwe te Bornwirdhuizen en syn frou Eteke. In soan fan Feye en Eteke, Gercke, boaske mei Idteke van Tjaerda, harren dochter Eelck mei Gatze van Juwsma en wiene trije ealhúzen te Rinsumageast troch houliken oan inoar ferbûn. Gercke Feyes Eysinga liet allinne in dochter Hack nei, hja is de lêste fan de âlde ‘echte’ Eysinga’s. Se boaske earst mei Ado Jonghema út Raard en nei syn dea mei Tjalling Entez Bolta út Holwerd. Dizze neamt him dan Tjalling van Eysinga en wurdt sa de stamheit fan de hjoeddeiske Eysinga’s. Hy wenne net op Eysinga yn Rinsumageast, mar op Eysinga yn Oentsjerk.
(* letter oan de oare kant fan de feart yn WIER as boerepleats wer opboud en dan “Easterwâl” neamd.
NOCH EAT OER DE HEIT en de MEM fan DE SKINKER FAN DE SULVEREN TROFFEL OAN DE KOEPELTSJERKE FAN BERLTSUM, Georg Wolfgang Carel Duco KAN, in neikommeling fan Georg Wolfgang Carel Duco Schwarzenberg thoe Hohenlansberg.
Arnold Isaak Kan , voorganger, schoolopziener. geb. 1871 (Heerjansdam) gest. 1946 (Velp)
Voorganger van Christelijke Belangen en de rechtzinnige Kapel gemeente aan de Oosterhoudstraat te Assen van 1905-1921. Hij stamde uit een predikantenfamilie. Zijn grootvader, de classicus David Moses Kan had de overstap gemaakt van Jodendom naar Christendom. Kan promoveerde in 1901 op Ludwig Feuerbach in zijn verhouding tot de christelijke zedenleer, In 1904 zette hij zich in voor de stichting van een kerkje in Zorgvliet - Wateren. Hij stimuleerde de evangelisatie in de vrijzinnige Drentse dorpen en werd eind-redacteur van de in 1903 opgerichte Drentsche Evangelisatiebode, een platvorm voor rechtzinnige predikanten en evangelisten. Hij was gehuwd met baronesse Sophie Elisabeth Schwartzenberg thoe Hohenlansberg. Het echtpaar Kan was de motor achter de oprichting in 1913 van de Hervormde Dr. de Visscherschool. Hun doelstelling was om te komen tot een gelijkwaardige plaats van de rechtzinnige hervormden binnen de Hervormde gemeente van Assen. In 1907 legde Kan zijn ambt als voorganger neer en werd hij schoolopziener, later inspecteur voor het lager onderwijs in Drente. In 1938 verliet het echtpaar Kan Assen en vestigde zich in Velp.
(Sophie Elisabeth hie earst in pear jier ferkearing hân mei jonkhear Dirk Jan de Geer (1870-1960), de minister-presidint fan it earste oarlochskabinet yn 1940, kabinet De Geer II, dat útwykte nei Londen. Hy moast yn augustus 1940 ôfgean omdat keningin Wilhelmina it fertrouwen yn him ferlear fanwege syn defêtistyske hâlding. Keningin Wilhelmina ferfong him troch Pieter Sjoerds Gerbrandy. De Geer keerde yn 1941 nei Nederlân werom. De regearing yn ballingskip beskôge syn weromkear nei Nederlân as désersje.)
BERTELEPPELS (ek wol neamd Apostelleppels)
omdat earder fakentiden op de stâlen fan de leppels ien fan de tolve apostels ôfbylde waard. Sa besiet Hendrik Jelles Sijbrandy út BERLTSUM yn 1927 noch in Apostelleppel út de 17de ieu wêrop Sint Bartholomeus ôfbylde is mei in evangeeljeboek en mei in mes wêrmei hy libbend strûpt wêze soe fanwege it preekjen fan it evangeelje. Dizze leppel waard tentoansteld t.g.v. it 100 jierrich bestean fan it Frysch Genootschap van geschied- oudheid- en taalkunde yn it Frysk Museum te Ljouwert destiids hâlden fan 15/8 - 15/9 1927. Hendrik Sijbrandy wie troud mei Lettadina Fokkes Kuperus. Sa wienen der ek begraffenisleppels. Oant 1850 waarden aadlike lânhearen faak troch harren pachters útdroegen en as wurdearring krigen dizzen dan in sulveren begraffenisleppel.
DE GRINZER RJOCHTING
De eardere Berltsumer opfolgjende dûmnys Gerhard H. van der Tuuk en Martinus L. de Boer behearden ta de saneamde ‘Grinzer rjochting’. Oan de Grinzer teologyske universiteit ûntwikkelde har ûnder ynfloed fan de teolooch Hofstede de Groot in tsjerklike lear dy’t bekend stie as de ‘Grinzer rjochting’. De groep fêstige de oandacht op it religieuze moedslibben en achtte harren minder te hâlden oan de 16de ieuske belidenisskriften. Swiere ortodokse begripen as sûnde en genede spilen by harren in ûnderhearige rol. Kenmerkend wie dat yn harren wurk de klam lei op de leauwenspraktyk. Dizze minsken setten harren aktyf yn by it fersêftigjen fan de need yn de arbeidersgesinnen en arbeiderswiken. It wie de taak fan de dûmnys om minsken op te fieden. De ‘Grinzer rjochting’ waard beskôge as de lofterwjuk fan it Nederlânske Reveil. Dûmnys behearden noch ta de yntellektuele elite. Hja foarmen in ‘rûnte fan sichtbere manlju’. It berop genoat maatskiplik oansjen fanwege de hillichheid fan harren amt, harren geleardens, harren wize fan dwaan. Letter yn dy ieu kaam der in streaming op dy’t noch fierder fan de ortodoksy ferwidere rekke. Dizze teologen stiene bekend as ‘modernen’. Dizze frijsinnigen woenen harren net bine litte oan belidenis en leartucht. Hjir behearde de Wierster en letter Berltsumer dûmny Jan Imbertus Swijghuisen-Rijgersberg ta.
De oanhingers fan de Grinzer rjochting ferkundigden in kristendom dat fundearre wie yn de persoanlike ûnderfining fan Gods leafde, yn it gefoel. Hja stiene kritysk tsjinoer de troch de tsjerke oanfurde leauwenslear en akseptearren allinne de Bibel en yn it bysûnder Kristus as noarm foar leauwen en hanneljen. In optimistysk opfiedingsideaal makke dat hja net folle oandacht hiene foar de lear fan de erfsûnde en fersoening.
GEARKOMSTE FAN KOMMITTEARRE TSJERKERIEDSLEDEN
hâlden te Amsterdam yn it lokaal Frascati oan de Oudezijds Voorburgwal op woansdei 11 april 1883 fan moarns 10 oant middeis 4 oere ta.
De vergadering, bestaande uit opzieners, die in onderscheidene kerken door hare kerkleden gecommitteerd zijn om in zake te dienen, en op uitnoodiging van de gecommitteerden uit den Amsterdamsche kerkeraad, samengekomen om gemeenschappelijk daarover te beraadslagen, wordt even na 10 uren door A. Kuyper uit naam der Amsterdamsche gecommitteerden geopend.
Reeds voor de opening hadden alle 222 aanwezigen (ook de niet tot de commissiën behoorende leden en oud-leden van kerkeraden welke als toehoorders bij de vergadering waren toegelaten) de gereedliggende presentatie-lijsten geteekend, waarboven als hoofd gedrukt stond : Ondergeteekenden, hunne namen op deze presentatie-lijst plaatsende, betuigen daardoor tevens hunne hartelijke instemming met de DRIE FORMULIEREN van eenigheid als accoord van kerkelijke gemeenschap, niet VOORZOVER (quotinas) maar OMDAT (quia) zij met den Woorde Gods overeenkomen.
Alle nammen wurde foarlêzen, wêrby blykt dat fertsjintwurdige binne : (ek yn dit e-book neamde persoanen) as ds. J. J. A. Ploos van Amstel út Reitsum, ds. Hein Hoekstra út BERLTSUM, ds G. H. Nijhuis út Hoogeveen (nei de pauze as aktuarius, letter dûmny yn BERLTSUM), dr. A. Kuyper út Amsterdam, ds. G. H. van Kasteel út Kollum, E.(ngele) Kool út BERLTSUM, ds. G. Ringnalda út Oldebroek (letter dûmny yn Útert,) dr. F. L. Rutgers út Amsterdam ensafuorthinne.
It gie oer de troch it tsjerkebestjoer oanpaste proponentsformule wêrmei earder de dûmnys kandidaten ferklearden de grifformearde belidenis as “oerienkommende mei God Wurd” (de Bibel) te ûnderskriuwen. Dit joech no op in sadanige wize romte oan de mooglikheid dat men ynstimde mei de grifformearde belidenis FOAR SAFIER dizze mei Gods Wurd (de Bibel) oerien stimde. In rommere hâlding dus oangeande de bining oan de grifformearde belidenisskriften.
Professor Petrus Hofstede de Groot, ien fan de ferneamste wurdfierders fan de doe toanoanjaande “Grinzer rjochting”, fûn dat de Herfoarme tsjerke net langer oan de klassike grifformearde belidenisskriften (de Trije Formulieren fan ienichheid) bûn wie. De teology bliuw beheind ta de moraal. De tsjerke as opfiedings-ynstitút die harren yngong. Tsjin dizze ûntwikkeling kamen de ortodoksen yn ferset. Hofstede de Groot liet him ek troch Dútske pedagogen en teologen ynspirearje.
Fierder gie it foaral oer hoe te hanneljen yn de pleatslike tsjerken tusken ortodoksen en frijsinnigen, oer ôfskiedingen as yn Witmarsum en tsjerke-eigendommen, de ôfjefte fan attestaasjes etc. Koart sein : hoe geane wy meiinoar om.
(Sjoch op GOOGLE : Acta der Conferentie van gecommitteerde kerkeraadsleden 1883)
Lanlik binne yn de perioade 1886 oant en mei 1891 mar 60 fan de doe ca 1300 herfoarme dûmnys mei de 4 jier dêrnei yn 1886 plakfûn hawwende DOLEÂNSJE meigien. Fan de hjirboppe neamde dûmnys is allinne de lettere Berltsumer dûnmy G. H. Nijhuis de herfoarme tsjerke trou bleaun.
DE PROTESTANTSE KERKENBOUW in NEDERLAND van HERVORMING tot FRANSCHE TIJD
door dr. M. D. Ozinga
Op de siden 138 en 139 is te lezen :
Door het ontwerp eener Koepelkerk van Symon Bosboom in zijn 1682 te Amsterdam uitgekozen “Cort onderwijs van de Vyf Colommen” herinnert de van 1777-1779 naar het plan en o.l.v. den architect-houtkoopman Willem Douwes de gebouwde kerk te BERLIKUM (Fr.) Den 27 November 1776 hadden de stemgerechtigde lidmaten op voorstel van den grietman Georg Frederik van Schwartzenberg en Hohenlansberg besloten, de in 1345 gestichte oude kerk door een koepelbouw naar het bestek van den Harlingschen stadsbouwmeester te vervangen, volgens een schriftelijk rapport van deskundigen zou zulks nl. goedkoper uitkomen dan eene herstelling van het bestaande gebouw. Den 10 April 1777 legde het zoontje van den grietman den eersten steen, de inwijding had plaats op den 22sten Augustus 1779 etc. etc. .... Het snijwerk van de preekstoel en het doophek, wellicht van het geheel gelijke der heerebanken, werd uitgevoerd door Johann George Hempel, dien wij evenals Douwes te Harlingen aan het werk zagen. In het van 1715 tot 1787 loopende kerkvoogdij-rekenboek der gemeente is ook opgenomen de speciale rekening van den kerkbouw door den toenmaligen administreerend kerkvoogd Evert Annes Nauta etc. etc. ..... De oude kerk, die volgens de vroegste aanteekeningen die er voorhanden zijn bereids 432 jaaren – nl. van 1345 – wanneer door ouderdom vervallen door de gemeente wederom verbeterd was - tot aan het jaar 1777 toe gestaan had, maar na dermaaten bouwvallig geworden was en zozeer aan de noortzijde overhelde, dat de gemeente sig niet weinig bedacht betoonde voor onheilen, die uit een schielijke en onverwachte neerstorting van het gevaarte konden hervoort vloegen etc. etc. .... In de maand January 1777 begon de afbraak, soo is daarop op den 10den April van datzelfde jaar den eersten steen gelegd door jonkheer Georg Wolfgang Carel Duco baron thoe Schwartzenberg, oud 4 jaaren (dit moat neffens my wêze 11 jier) 2 maanden en 14 dagen, zoon van den tegenwoordigen heer grietman deeser deele (Menaldumadeel). etc. etc. ..... Terecht heeft wln. architect S. Koldijk de een aantal jaaren geleden (yn 1924) aangebouwde consistorie een veelhoekige vorm gegeven en met een halfbolvormig koepeltje gedekt, waardoor zij zich uitstekend aansluit bij het kerkgebouw en er zelfs toe medewerkt daaraan schaal te geven.
(Yn it boek fan dr. M. D. Ozinga komme op plaat 63 in pear ôfbyldings fan de Koepeltsjerke te BERLTSUM foar.)
ÂLDHEDEN
Germaanske hoarne dingen en Romeinke munten dy’t hjir by BERLTSUM fûn binne, binne te sjen yn it Ryksmuseum fan Âldheden te Leien.
MARTENA state (it slot TERHORNE) te Bitgum
De stins Terhorne wurdt al yn 1496 neamd. Bewenner wie Hessel Sytthies Martena (letter wenjend te Frjentsjer). Hy gie op in pylgertocht nei it Hillige lân en is ferstoarn op de weromreis op it eilân Rhodos. Dochter Lucia fan Martena troude oan Frits (Frederick) von Grumbach, in ealman út it Frankenlân yn Dútslân dy’t mei keizer Karel V. nei ús lân kommen wie. Lucia liet de mûne bouwe te Dyksterhúzen. Sa njonkenlytsen is by dizze mûne Bitgummermole ûntstien. In dochter fan Frits von Grumbach en Lucia fan Martena, t. w. Maria von Grumbach, troude yn 1545 mei Johan Onuphrius baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, in Swabysk ealman út it slachte von Sensheim. Hy hie mei keizer Karel V. dielnommen oan fjildtochten nei Itaalje. Syn houlik mei Maria von Grumbach makke dat er him yn Fryslân ta wenjen sette moast. Hja kamen te wenjen op Terhorne. Harren soan Georg Wolfgang I. waard no bewenner fan Terhorne. Hy joech yn 1669 oarder om yn Bitgum in nije tsjerke te bouwen. Fan de 7 bern fan harren soan Georg Frederick I. bliuwde mar ien yn it libben, t. w. Isabella Susanna. Hja troude op 13-9-1685 op it Amelân mei Gustaff Carlson. Hy wie in natuerlik soan fan Karel X. de kening fan Sweden. Hy wie ferneamd om syn grutte biblioteek (sa’n 20.000 ! nûmers). Syn widdo besiet in grut fermogen. Allinnich al yn de gritenij Menameradiel besiet hja al sa’n 1800 pm lân. Nei har dea kaam Terhorne oan har neef Georg Wolfgang III. Hy waard yn 1729 grytman fan Menameradiel. Hy troude mei Françoise Vulson de St Maurice. Hja stamde út in Frânsk Hugenoaten slachte. Harren soan Georg Frederick II. hat grutte bekendheid krigen troch it Groot Placcaat en Charterboek van Friesland. Hy wie sûnt 1766 grytman fan Menameradiel. Georg Frederick II. wie troud mei Sophie Elisabeth, grevinne d’Aumale. Fan de 3 soannen út dit houlik bleau allinne Georg Wolfgang Carel Duco I. Schwartzenberg thoe Hohenlansberg yn libben. Hy waard yn 1783 grytman fan Menameradiel, mar yn 1795 ôfset. De dêrnei bernerike húshâldings en de delgong fan de tiden makken it ynstân hâlden fan it slot te Bitgum net langer mooglik. Yn 1879 waard besletten ta de ôfbraak.
MICHAËL HULSHUIS,
oud schrijver van de compagnie te BERLIKUM, koopt op 3-2-1764 een huis met hof, staande en gelegen op de Suypmarkt, van Riemke Donia, weduwe van Taeke Piebenga. Bij de verkoperse bewoond. (H.C.F. Historisch Centrum Franeker)
DE OMMELANNER en de FRYSKE FLAGGE
De Ommelanners hawwe de âldste papieren as it om de flagge giet. De Ommelanner flagge is bassearre om it Ommelanner wapen. Yn 1579 ferskynde dit wapen foar it earst op de munten fan de Ommelannen, slein yn Appingedam, en fanôf 1594 makket it diel út fan it nije wapen fan it gewest Stad en Lande. Yn wapenboeken ferskynde fanôf de 15de ieu ôfbyldings fan de blazoenen fan legindaryske Fryske keningen, as Redbad (Radboud) dy’t libbe yn de 7de - 8ste ieu. De oarsprong dêrfan is net dúdlik. De Ommelanner hearen keazen út de ferskate fersys fan it wapen in fariant mei 3 blauwe skeanbalken en 11 reade herten, ek wol “wetterroasplomben”neamd. De Fryske flagge is folle letter as de Ommelanner yn gebrûk kaam, mar is mear bekend troch it gebrûk op Fryske produkten. Yn 1830 “werûntduts” it Frysk Genoatskip fan Geskied-, Âldheid-, en Taalkunde it âlde wapen fan Redbad en gie dit ek as wapen fieren. Pas oan it ein fan de 19de ieu wappere foar it earst de hjirop bassearre Fryske flagge mei de skeanbalken en de 7 “pom- peblêden”. De Fryske flagge is yn 1957 offisjeel as fetsjintwurdigde flagge troch de Fryske Steaten fêststeld.
De JELSCKAMA’s in foaroansteand haadlingenskaai.
De meast foaroansteande, Jarich Jelsckama, berne yn 1290, komt út Súdhorn (it Grinzer Westerkwartier) wêr de Jellema Borgh (fersterkte boarch) direkt neist de tsjerke stie. Op it âlde kadastrale plan is de slotgrêft noch werom te finen. Dizze borgh is om 1450 hinne ferkocht oan de Gaaikema’s. Yn Kollum stie in grutte Jellema State lyksa neist de tsjerke. In haadling wie oarspronklik in keazen lieder by Germaanske folken. It wie gjin aadlike titel mar betsjutte “wichtich persoan”. Yn de rin fan de skiednis waarden haadlingen ynfloedrike persoanen en sibben dy’t in protte lân besieten en bestjoerlik en juridysk macht útoefenden yn harren doarp of gebiet. Hy spriek rjocht by skeelen en rôp by swierrichheden de befolking byinoar. Sa njonkenlytsen ûntstie der in klasse fan eallju. Somtiden waard yn tiden fan oarloch in haadling keazen as oarlochslieder. By de Germanen waard sa’n oarlochslieder Hartoch neamd. De haadlingen (hearskippen) wienen tige ryk yn fêstguod en harren boargen of fersterkte ûnderkommens waarden yn de rin fan de tiid útwreide ta stienhúzen (stinzen).
De Jelsckama stins yn Súdhorn is der net mear. Haadling Jarich Jelsckama is ien fan myn foarâlden. (24 sibben tebek) De stamreeks is te finen yn myn e-book: BERLTSUM boppe, BERLIKUM yn de groppe.
SKIERINGERS en FETKEAPERS
De Skieringer partij yn de 14/15de ieu, neamd nei de Skieremuontsen, nei it skynt foaral sterk yn Westergoo en foarstanner fan de Fryske frijheid. De Fetkeapers, in partij yn de 14/15de ieu, de namme yn ferbân brocht mei de Norbertinen, dy’t fetweiders west hawwe soene, hienen dat folle minder, yn 1394 is der foar it earst sprake west fan in Fette partij. By de ûnderwerping oan Albrecht fan Saksen wienen de Fetkeapers de ûnderlizzende partij. Feit is dat der yn dy tiid in protte moarde en plondere is en in protte sibben tsjinoer inoar stienen en in protte besittingen ferlern gien binne.
Yn de skriften fan Sibrandus Leo (1528-1589) besljochtet Pibo Sibranda fan Lidlum (1309-1325) rúzjes, stridet Eelco Liauckama (1325-1332) mei 180 soldaten en bewapene konversen tsjin eallju, slacht Godfried Andla (1336-1347) in oanfal fan Bloemkamp, Ludingakerk en de bruorren Adelen ôf, fersterket Tetard (1386-1422) de Úthôf te Miedum tsjin de Skieringer Sjaerdema’s dy’t yn 1389 wer te Lidlum (Fet gesind) en harren besittingen ferwoastingen w. û. de lânhoeve fan de stins Amckema te BERLTSUM. De nammen Skier en Fet komme yn 1392 op.
Sa die in broer fan in fiere oerpake fan my, t. w. haadling Wybe Jarichs Jelckama (Jelscama, Jeltcama, Jeltema) hjir ek oan mei. Hy wie in oansjenlik haadling, en dapper en wreed as hy wie, hie hy as Skieringer in wurksum oandiel oan de reboeljes fan dy tiid. Neffens Gabbema in man fan grutte moed, bloedgjirrich en snakkende nei wjerwraak. Hy makke wegen ûnfeilich en strûpte oan de poarten fan Ljouwert ta. Sa makke hy yn it sicht fan de stêd Ljouwert 40 kij master en driuwde se fuort. Sa’n soad geweld koe net netstraft bliuwe.
Hy wenne te Akkrum op de stins Metselwier (Metsingawier) en besiet ek in stins te Himmelom en te Wâldsein. Men heart fan him earst yn 1481 doe’t hy yn Oostergoo plondere en de stêd Ljouwert earnstich bedrige. Syn stins te Akkrum waard nei 7 dagen beliz op 29 oktober 1481 troch de ljouwerters oermastere en ferwoastige. Syn oanfal op Ljouwert mislearre. By de fermoedsoening fan de Skieringers mei de stêd ( Fetkeapersgesind) bliuw hy mei in pear oanhingers útsletten. Hy oerrompele yn 1482 de Fetkeaperske stins te Poppenwier en ferbûn him mei de Hoekse ballingen út Hollân (de dêr neamde Hoeksen en Kabeljouwen), dy’t foar de aartshartoch Maximiliaan mei de Skout út de stêd Hoorn nei Fryslân flechtte wienen. Mei harren help stiek hy de Súdersee oer en bemastere yn 1482 de stêd Hoorn, mar waard er koart dêrnei belegere troch stêdhâlder Lalaing en de Hear fan Egmond, dy’t de stêd opnij oermasterden en him yn den Hoef by Egmond finzen setten. Foar 1000 goudgûnen frijlitten, naam hy as berucht Skieringer fierder diel oan de woaste Fryske rúzjes en foel ein 1497, as haad fan de Skieringers yn Idaarderadiel, te Grou op it tsjerkhôf tsjin de ljouwerters. Hy waard dêr op it tsjerkhôf deaslein.
Stamheit Jarich Jelsckema is berne te Súdhorn yn 1290. Syn soan Wybe te Súdhorn yn 1315. De pakesizzer en nammegenoat, wenjende op de stins Meskenwier te Akkrum, berne te Súdhorn om 1430 hinne, troude mei Siouck (Sjouk) Wiarda. Antje Lieuwes Jeltema (1665-1715), de mem fan myn foarpake CORNELIS CORNELISSEN POSTHUMUS berne yn 1705, dy’t troud wie mei Cornelis Idses (stoarn yn 1705), stamt ek fia Gerloff Worps Jeltcama (Jellama), haadling yn Kollum, út dit haadlingenskaai Jelskama en wenne, krekt as harren foarâlden (Lieuwe Claeses berne te Ternaard yn 1645 en dêr stoarn foar 1677 en Claes Liuwes Jeltama ( Jelcama), berne te Ternaard yn 1620 – st. te Ternaard yn 1693) op no de kop-hals-romp pleats oan de Hollewei nûmer 10 mei deselde sibbenamme “Jeltema” (Jeltama, Jellama, Jeltckema) ûnder Ternaard. De eardere dêrfoar op dit plak steande pleats wie yn 1658 in saneamde langhúspleats.
Yn Bûtenpost hat ek in ieuwenlang bewenne stins fan de út Súdhorn ôfkomstige sibbe stien. Fan in Worp Jeltinga (Jelcama, Jeltcama) is in stien út 1427 fûn. Jonker Fecco Jeltinga, in ferneamd telg út de sibbe, wie yn it begjin fan de 17de ieu eigner fan de stins yn Bûtenpost. Hy hie in hege funksje by de Admiraliteit fan Dokkum, sa’t oanjûn wurdt op in grêfstien yn de Herfoarme tsjerke fan Bûtenpost. De stins (state) yn Bûtenpost is om 1770 hinne ôfbrutsen en waard yn it lêstoan bewenne troch Jonker Oene van Roorda . Dêr is yn Bûtenpost, no ek noch as oantinken oan de stins, in Jeltemaleane en in Jeltemapaad.
Yn Akkrum stiet tsjintwurdich noch in 200 jier âlde kop-hals-romp buorkerij mei de namme Meskenwier op de terp (de eardere stinswier) oan de Boarn en wurdt no brûkt as rekreaasje- pleats ûnder de namme “Het Boerenbed hoeve” mei tabyhearren.
Meskenwier is no in buorskip. It krige de namme troch de “mersken” stikken lân dy’t winters ûnder wetter stienen en “wier” as namme foar terp. Foar de pleats lei yn 1718 noch in hege wier mei dêrop de stins Jelckama state.
Yn Kollum stie it “Jellema steenhuys” súdeast fan de tsjerke. It hjoeddeistige gebou stiet yn de súdwesthoeke fan de Oostenbrugstrjitte en it Heech Pypke. De stins wurdt yn 1511 neamt, mar is fan folle âldere oarsprong. It waard doe bewenne troch (myn foarheit) Gerloff Jellema en syn frou Wytthye. Harren soan Hero moat yn 1518 flechtsje omdat hy meistanner wie fan de Bourgondyske partij. Yn 1557 wie hy wer “wenjende toe Collum”. Hy liet 4 bern efter t. w. Sjoerd, LIEUWE (Livo Heronis), Hylck en Maek (Imcke). It stienhûs stie op it Hege Hiem yn it súd fan de Collumer buyren. Nei it doarp rûn in leane dy’t ôfsletten waard troch de noch yn 1634 neamde Jellemapoarte. Yn de 17de ieu waarden ek de Jellemasteech, de Jellema lytse finne, de Jellema kamp lizzende by Jellemaheerdt en de Jellemalannen neamd. Om 1511 hinne wenne hjir Gerloff Jellema, om 1545-1571 hinne Hero Jellema, yn 1571 Sjoerd, LIEUWE, Hylck en Maek Jellema en dêrnei Arend Poppes (Arnoldus Poppius) à Jellema tr. m. Maek Jellema. Om 1653 hinne Hero Poppius à Jellema en syn suster Hylck Poppius à Jellema. Letter waard Trijntje Cleveringa, de widdo fan Jacobus Rosema, de eigneresse. Yn 1700 wie harren beppesizzer Catharina van Fogelsangh, tr. m. dûmny Lambertus Bieruma de eigneresse. It hûs wurdt dan oanjûn as “een hornleger (buorkerij) en een kamp land van Jellema uytgekomen”.
Vgl. Gabbema Hist. Van Friesland 98, vlg 119, 120, 134, 200. Jancko Douwama Geschriften 40. Ek út de kroniken fan Thabor en út de âldfryske oarkonden is hjiroer in protte bekend.
Sjoch ek it Gen. jierboek fan 1996 de foarâlden Cornelis Cornelissen Posthumus neamd op de siden 109 by 62, 111 by 124 en 125, 113 by 194 en 195, 115 by 248 en 249, 116 by 410 en 411, 116 by 394 en 395, 119 by 496 en 497, 121 by 790 en 791, 125 by 1562, 129 by 3104 en 3105, 132 by 6208 en 6209, 134 by 12416 en 12417
De earder yn Bitgum op it slot Grut Terhorne en letter te Frjentsjer wenjende Hessel Sytzes (Sytthiesz.) Martena (1461-1517) stamt ek, lykas myn hjirboppe neamde foarbeppe Antie Liuwes Jeltema, de mem fan Cornelis Cornelissen Posthumus, fia Reynsck Jarichs Jeltcama dr. (yn 1385 te koarnjum tr. m. Sytze Johans Martena) ôf fan de hjirboppe neamde stamheit Jarich Jeltckema, berne yn 1290 te Súdhorn. Dochter Lucia Hessels van Martena troude mei Frederik (Fritz) von Grombach en harren dochter Maria von Grombach wer mei Johann zu Schwartzenberg und Hohenlansberg wêrnei de hjir sa faak yn dit e-book neamde Terhorne state yn dizze lêstneamde sibbe kommen is.
De út dizze sibbe ôfkomstige Wyerd Jelckama (1490-1523) wie in Frysk piraat , rebel en frijheidsstrider. Syn bynamme wie “Grutte Wierd” fanwege syn omfang en krêft. Syn foarnamme wurdt ek wol skreaun as Wierd en Wyard. Hy waard berne om 1490 hinne as de soan fan “Grutte Piers” âldere suster Tyed Gerlofs Donia. Yn 1515 doe’t Grutte Pier syn striid tsjin de Habsbur- gers, Saksen en Hollanners begûn, slette hy him by syn omke Pier Gerlofs Donia oan. Hy waard ûnderbefelhawwer fan syn omkes leger, de saneamde (* “Arumer Swarte Heap”. (Ek wol de “Gelderske Friezen” neamd fanwege it grutte oantal Gelderske huurlingen dy’t meifochten. ) Hy focht mei ûnder it twadde beliz fan Medemblik yn 1517 en de belegering fan Alkmaar. Nei de dea fan Grutte Pier yn 1520, en nei alle gedachten al earder, naam Jelckema it befel oer fan it rebelleleger. Hoewol’t Jelckema inkelde oerwinnings boekte, waarden de Fryske opstannelingen úteinliks ferslein. Jelckama sels waard mei de net folle mear fan de plm. 4000 oerbleaune (net sneuvele) soldaten finzennommen en yn 1523 te Ljouwert ûnthalze. Wyerd wie yn 1510 te Akkrum boaske mei Fookel en hja hienen twa dochters en in soan t. w. Bonga (1516-1575), Fookel (1517-1546) en Janco Douwe Jelckema (1514-1587). Út oerlevering hantearre Grutte Pier yn de striid in útspraak om efterhelje te kinnen wa’t Fries wie en wa net, sa’t hy wist wa’t hy deadzje moast. “Bûter, brea en griene tsiis, wa’t dat net sizze kin, is gjin oprjochte Fries”. In protte, w. û. guon Berltsumers as bygelyks de Osinga’s, stamme fan Grutte Pier ôf.
Fuotnoat :
(* It wiene haadsaaklik ferearme pachters en eigenierde boeren út Arum, Wytmarsum en Kimswerd fan wa’t harren húzen ferwoastige en ferbrând wiene en dy’t rôf bedriuwen yn de kriten fan Frjentsjer, Harns en op it Bilt, net trochinoar te heljen mei de “Swarte Heap”, de yn 1514 troch Georg fan Saksen hjir efterlitten hiersoldaten dy’t harren destiids ek yn BERLTSUM wol legere hienen.
STINSWIEREN
Fanôf de twadde helte fan de 13de ieu waarden yn Westergoo in protte stienhúzen of stinzen boud. Dit wiene yn’t earstoan allinne te ferdigenjen stiennen tuorren dy’t as taflechtsoarden tsjinnen as der ûnrie drige. De bakstiennen tuorren koene fakeniden allinne berikke wurde fia in houten trep fan bûtenôf, dy’t fuorthelle wurde koe om fijannen bûten te hâlden. De ferdigenings- tuorren waarden faak op in ferheging, in stinswier, boud dy’t omjûn wie troch in grêft en in ierden wâl. Tsjintwurdich binne der noch mar trije oer : Yn Seisbierrum, BERLTSUM en Jellumer Noarderbuorren. Yn de 14de en 15de ieu waarden der ek saneamde “sealstinsen” boud dy’t better foar bewenning geskikt wienen dan toerstinsen. Fanôf de 16de ieu ferlearen de stinsen sa njonkenlytsen harren definsjefunksje en krigen se hieltiten mear de funksje fan statussymboal; se waarden meastal omboud ta statige lânhúzen ; states. Hoewol’t in protte lânguod yn Wester- goo de namme “state” droech, binne net alle states út in stins fuortkommen.
Yn de midsieuwen stiene hjir yn Fryslân mear as 600 ferdigenbere stienhúzen as stypepunten foar de Fryske haadlingen. De heegste fan de protte terpen yn Menameradiel is de 6.3 meter hege “Hege Wier” ûnder BERLTSUM en Menaam. Yn de twadde helte fan de 19de ieu waarden in protte terpen ôfgroeven. Menameradiel wie de earste gemeente mei in feroardering (1907) tsjin dizze foarm fan grûnpiraterij. Oanlieding foarme in graven fan de terp fan Deinum.)
JACOB REIJNERS PYBEMA
wie keapman te BERLTSUM en hy hie in mouterij op it Noordijs te Harns. Syn suster Jelske Reijners Pybema wie troud mei de Harnser wiidskipper Foppe Foppes wenjende te Harns. Yn de Prov. bibleteek (no Tresoar) binne stikken út 1683 oangeande it oanfurdzjen fan de benficie fan ynventarisaasje troch C. den Hertoge, siktaris fan Menameradiel, as kurator oer Setske Jacobs Pybema oangeande de neilittenskip fan silger harren heit Jacob Reiners Pybema, yn libben keapman wenjende te BERLTSUM.
IT PORTRET FAN NICOLAAS EVERTS SCHELTEMA
Yn it Museum Martena te Frjentsjer hinget in portret yn oaljeferve fan de Frjentsjerter wolkjimmer Nicolaas Everts Scheltema, berne/doopt op 26-7-1758 te Frjentsjer, de skoansoan fan de Berltsumer dûmny Petrus Nota, dy’t op 14-9-1783 te BERLTSUM troud wie mei Gesina Marijke Nota (1761-1805) en dêrnei mei harren suster Janna ( Janke) Nota (1768-1808). It famke op it portret lêst har pake Nicolaas de Ljouwerter krante foar. Nicolaas Everts Scheltema wie siktaris kommisje Patriotten Frjentsjer en weesfâd Klaarkampster Weeshûs te Fjentsjer en is as widner fjouwer kear troud west.
BERLTSUM 7-9-1820, hjir in 93 prosint sinnefertsjustering
In totale sinnefertsjustering is yn Fryslân einliks tige seldsum. De lêste totale sinnefertsjustering wie op 3-5-1715 en de earstfolgjende sil pas yn 2135 plakfine. My heucht noch de sinnefer- tsjustering fan 11-8-1999 dy’t hast totaal wie. Ek in hiel moaie sinnefertsjustering wie dy fan 15-2-1961. Hiel ynteressant is dat de sinnefertsjustering fan 7-9-1820 troch in bysûnder selskip meiinoar waarnommen waard op de buorkerij fan Arjen Roelofs yn Hijum. Dêrby wienen û. o. inkelde professoaren fan de Frjensjerter Hegeskoalle en de Kommissaris fan de Kening Jkhr. I. A. van Humalda oanwêzich. Dêrneist wienen der neist de twa bruorren en de suster fan Arjen Roelofs ek de neven Rienks. Rienks bekend as tilleskoopbouwer. Fierder noch as oerwurkmak- ker Beert van Gelder mei twa soannen en de yn de Krússtrjitte wenjende Berltsumer “boerepro- fessor” Roelof Hessels Hommema dy’t prachtige tilleskopen boude en bekend is fan de tonger -lieders. De measten fan harren wurde earder neamd yn dit e-book.
IN FIBULA
fûn troch H. Sloots. It is in brûnzen lykearmige fibula op it plak wêr’t earder it Kleaster Anjum ûnder BERLTSUM stien hat. De nudlefoarmige fersieringen op de bûgel tsjutte op in type dat yn de 10de ieu yn gebrûk wie. By dit eksemplaar is dúdlik ûnder de fabrikaazje eat fout gien wêr’t de spjeld te dik útfallen is en der sels jitsel de naden lâns fan beide malhelten fuortrûn is. Soksoarte fynst soe op lokale produksje wize kinne.
DE WIJTIANEN TSJINOER DE KRUYFFIANEN
yn BERLTSUM. Noch eat oer dûmny Melchior Wijt, earder neamd yn dit e-book by de dûmny’s beropping yn 1871. Yn in boekje (út 1906 – 28 siden) skreaun troch syn frou Anna Maria Posthuma, de dochter fan de eardere húsdokter fan Dronryp, Job Posthuma, titele : Herinnering aan de opkomst der Moderne Richting op het platteland in Friesland is it folgjende te lêzen. “Hij kwam van buiten Friesland (is berne yn Rotterdam op 19-2-1840) Vol bewondering voor Friese taal en letterkunde, maakte hij daarvan eene ernstige studie. Hij kwam in Goinga, Gauw en Offingawier met de nieuwe leer. Hij werd door zeer velen geoordeeld te zijn de Anti-Christ, de Godloochenaar, maar machtig was de indruk van zijn woord, groot de invloed, die uitging van heel zijn persoonlijkheid, en zoo won hij van lieverlede de harten voor de zoozeer gevreesde Moderne Theologie. Zijn woord was uit God en het ging tot God, die woning maakte ook in hun hart. Twee gelukkige jaren verliepen èn voor de gemeente èn voor den predikant, maar toen werd hij weggeroepen naar Frieslands schoonste dreven (zoo Ds. Hugenholz zegt) naar Beets, Beetsterzwaag en Olterterp. Hij vertrok in december 1869 naar Beets c. s. . In 1883, in de kracht van zijn leven, was ds. Wijt gedwongen zijn betrekking neer te leggen. Zijne werkkracht was gebroken (hij werd afgekeurd vanwege burn out) en wij gingen heen. Wij gingen Friesland verlaten, maar Friesland vergeten, dat konden wij niet”. etc. .... etc. .....
FERDRONKEN
Op 6-6-1813 is de op 14-11-1803 te Frjentsjer berne Pieter Johannesz. Zondervan yn de stienfeart by it Tichelwurk te BERLTSUM ferdronken. Hy wie de soan fan de tichelersfeint Johannes Pieters Zondervan.
LC 17-7-1893
Kiezers van Menaldumadeel.
De Afdeelingen van de Soc. Dem. Bond en Algemeen Kies- en Stemrecht van Menaldumadeel bevelen voor de a. s. Gemeenteraadsverkiezing met vertrouwen de volgende Candidaten aan : Allard Th. Dijkstra, Beetgum, Sjoerd A. Tolsma, BERLIKUM, Jan S. Sinnema, Engelum, Wybe Wieling, WIER, Dirk Wassenaar, Menaldum.
LEDEN van de BOND voor ALGEMEEN KIES – en STEMRECHT te BERLIKUM
Petrus Antoon Verbeten (onderwijzer a.d. O.L.S.), Sjoerd (Aukes) Tolsma (horloger), Harmannus de Jong (karrijder ( bode) op Leeuwarden), Hotze Scheltema (bode levensverzekering (wenjen- de te WIER ?), Auke Jans van der Meij (timmerman), Jan Jans van der Meij (bakker), Anne Turkstra (bakker), Jelle Terpstra (kastelijn), Louw Bakker (kastelijn), Dirk (Gerrits) Visser (kastelijn), Pieter Terpstra (kastelijn), Gerrit Visser (z.b.), Gerrit de Koe (slager), Dooitze van der Leij (gardenier), Siebe Bontekoe (gardenier), Jan Freerks van der Leij (arbeider).
OER FEILICH WENJEN SPRUTSEN
Yn maaie 1500 begjinne fjouwer foaroansteande Fryske eallju t. w. Sjoerd Aylva, Tjerk Walta, Douwe Hiddema en Dooitze Bonga oan it beliz fan de stêd Frjentsjer om harren fan de Saksyske oerhearsing en fan de hege pachten te ferlossen. De soan fan Hartoch Albrecht van Saksen, Hendrik, hie sit yn Frjentsjer as in soarte gûverneur. Yn july 1500 wurdt de stêd ûntset. Op de weromreis litte de troepen fan Albrecht in spoar fan fernielings efter. Yn Minnertsgea wurde prysters fermoarde omdat hja harren wijde kostberheden net oerjaan woene oan de soldaten fan Albrecht. BERLTSUM moast it ek ûntjilde.
SLAVERNIJ
Noch eat oer de slavernij. Yn dit e-book is te lêzen dat Hendricus Pieters Ponne (1886-1969) troud wie mei Doetje Minnes Nieuwhof (1880-1977) Dochter Jeltje Ponne wie troud mei Heerke Joh. Steenstra. Lêstneamden wennen yn it pân, it lettere Piipskoft. As eigner fan slaven wurdt neamd in Nelia Agatha Ponne, ek út dizze sibbe, dy’t in slavinsje meinaam nei Nederlân. Yn Nederlân mochten gjin slaven hâlden wurde, bûten Nederlân wol. Dizze dûbele moraal wie kenmerkend foar de Nederlânske hâlding t. o. f. de slavernij. Om de ymport fan ta slaaf makken út it Karaïbysk gebiet oan bannen te lizzen bepaalde de Steaten-Generaal yn de 18de ieu dat hja nei in jier ferbliuw yn Nederlân frije minsken wienen.
CENSURA MORUM
Censura morum. (tasicht op it seedlik libben.) Wa kent net de útdrukking : “immen morus leare”. Út de notulen fan it konsistoarje (it kolleezje fan âlderlingen) is in protte te lêzen oer it gedrach fan de Berltsumers yn eardere tiden. Fjouweris yn it jier waard, foar it te hâlden hillich nachtmiel, in gearkomst hâlden werby ek it gedrach fan guon gemeenteleden troch dit kolleezje besprutsen waard. By ûnseedlik gedrach waarden hja fan it hillich nachtmiel útsletten oant hja wer op it goede paad teloane kamen. Yn de measte gefallen gie it om drankmisbrûk. Mar ek (famylje)rûzjes, stellerij en frjemdgean kaam somtide oan de oarder. By dit censura morum, foarôfgeand oan it hillich nachtmiel, waard oan betreffende persoanen hjirfan meastal skriftlik meidieling dien. It hillich nachtmiel waard harren ûnthâlden oant hja harren libben betterden. Tjerkeherfoarmer Calvijn hat de wyklikse nachtmielsfiering net trochfiere kinnen, hoewol’t hy dêrfan in prisipieel foarstanner fan wie, omdat de rie fan de stêd Genève harren dêrtsjin fersette. (de âlde tsjerkeboeken) De stedsrie hie ek sizzenskip yn tsjerklike saken.
DOPEN
De Doartse Tjerke-oarder skriuwt yn kêst 56 foar dat de doop fan it bern, sa gau as mooglik is, plakfine moast. Yn de âlde doopboeken is meastal net de bertedatum fan it bern neamd. Men giet der dan ek faak fan út dat de berte fan it bern ticht foarôfgeande oan de doop plak fûn hat. De heit wie meastal de doopheffer omdat de mem meastal noch yn it kraambêd lei. Wie de heit foar de berte fan it bern stoarn dan wie faak in sibbelid de oanwezen persoan. (de tsjerke- boeken)
AARDRIJKSKUNDIG WOORDENBOEK 1851
(verzameld door Abraham Jacob van der AA)
Het kanton BERLIKUM beslaat eene oppervlakte van 13.311 bunder, bevat de grietenijen Menaldumadeel en Het Bildt en telt 13.178 inwoners. De grietenij MENALDUMADEEL heeft 6856 inwoners, vruchtbare bouw- en weilanden, met granen en aardappelteelt en ooftbouw, en aan de noordzijde veel boomgewas. In deze grietenij liggen 12 dorpen etc. ........ Menaldum, waar in 1397 een gevecht tusschen de Schieringers en Vetkoopers voorviel, met een nieuw armhuis. BERLIKUM, de hoofdplaats van het kanton, met een lange buurt, eene Hervormde kerk, eene nieuwe Doopsgezinde kerk, veel handel, doortogt, beroemde vee- en paardenmarkten, boomkwekerijen, steenbakkerij en houtzaagmolen.
BELÊSTINGS
Net de belêstingtsjinst mar de douane is de âldste Rykstsjinst fan ús lân. Ein de 16de ieu oprjochte as “Dienst Convoyen en Licenten”. De belêstingtsjinst bestiet sûnt 1806. Fanôf dat momint wurde de belêstings net mear lokaal ind, mar sprekke wy fan nasjonale of ryksbelêstings. Hjir leit de oarsprong fan it motto “fan ús allegearre, foar ús allegearre”. Belêstings inne wie oant 1921 in echte manne-oangelegenheid. Ien bekende útsûndering befêstigt dy rigel : Kenau Simonsdochter Hasselaar (1526-1588). Neffens de leginde spile hja in wichtige rol yn it ferset tsjin de Spanjoalen ûnder it beliz fan Haarlim. Spitigernôch is de histoaryske ûnderbouwing hjirfan tige summier. Wol stiet fêst dat hja yn 1574 beëdige waard ta kollekteur fan de impost- ofwol belêsting- op turf yn Arnemuiden.
Sjoch by de Berltsumer Kenau yn dit e-book.
DE EURO
De ynfiering fan de euro op 1-1-2002 wie in bysûnder histoarysk barren. Om te wennen krigen hast alle 15 miljoen Nederlanners in “eurokit” : in set fan alle euromunten. Yn Nederlân waard de ynfiering yn Maastricht fierd mei gasthearen Gerrit Zalm (minister fan Finânsjes), Nout Wellink (presidint fan de Nederlânske Bank) en Wim Kok (minister-presidint). Nei middernacht oere gie Zalm de earste euro’s pinnen. Dêr hie hy twarris besykjen foar nedich, want hy stiek de pinpas ferkeardom yn it apparaat. Dêrnei rolden der yndie euro’s út.
(Earder de florenen en de gûnen, de lêsten noch altiten oanjûn mei fl.)
MOLE “DE HOOP”
Op in freed yn februaris 1908 wie it in nuveraardich waartype. De mûne fan D. L. van der Meij waard rekke troch it waarlocht. Lokkich rûn de mole hjirby gjin skea op.
LEENDERT BOUWENS
Yn 1551 waard Leendert Bouwens Âldste (âlderling) by de Doopsgesinden. Hy wenne yn Embden en hie dêr al in hoartsje it amt fan Fermaner by de gemeente betsjinne. Hy wie in man fan gestrange begjinsels, besiet in protte iver yn syn wurksumens en wie in bespraakt reedner. Earder wie hy Rederiker west. Hy hie him, net as Minne Simens, mei skriuwen dwaande hâlden mar wie him yn syn plak ek sa dwaande, dat troch him rom 10.000 persoanen doopt binne wêrfan mear as 6500 yn Fryslân weneftich wienen. Hy hat, om mar wat te neamen, û. o. yn Menaam 110, yn Dronryp 6, yn Boksum 52 en yn BERLTSUM mar leafst 234 persoanen doopt. (aldus dûmny. Steven Blaupot ten Cate) Hette van Hemmema jr. wie ek doopsgesind, ferlear dêrtroch syn grytmanskip en waard twongen ta oare tinzen. Syn pake en nammegenoat wie, wat de Roomske tsjerke oangie, tige reformearre gesind. Doe’t him dat hjir net slagge mei it stiftsjen fan de ‘Broeders des gemeenen levens’ sil hy tsjinoer de Roomske tsjerke tige teloar steld west hawwe. It grutte oantal fan 234 doopten hjir yn BERLTSUM koe him wolris as foarbyld hân hawwe, tink ik.
Foar 1538 bestie hjir yn BERLTSUM tinklik al in doopsgesinde mienskip want de Berltsumer Matthijs wenne doe al yn 1538, as ôffurdiger út Fryslân, de gearkomst by yn Boekholt yn West- falen oangeande de útienlizzende ynsichten tusken de doopsgesinden Menno Simons en Jan van Batenburg
Provinciale Zeeuwsche Courant 2-5-1958
Preken op de band voor chronische zieken. De kerkeraad van de Hervormde gemeente te BERLIKUM in Friesland heeft een bandopname apparaat aangeschaft. Het is de bedoeling de preken tijdens de diensten in de kerk op de band op te nemen en de bandjes later bij de chronisch zieken, die nimmer ter kerke kunnen gaan, te laten draaien.
DE ZEEUWSE Chr. Hist.Nieuwsblad 29-7-1932
Twee Nederlanders van de oude garde in Zuid-Afria overleden. Eerst de heer Albert Dirks Wassenaar (soan fan Dirk Gysberts Wassenaar en Janna Alberts de Haan, berne te BERLTSUM op 2-2-1861) overleden op 29-6-1932 die zich in 1886 naar Transvaal begaf. Hij was als onderwij- zer in Standerton en Heidelberg gevestigd en was met Christina Labuschagne gehuwd en had 5 kinderen, w.o. de bekende dichter Theo Wassenaar, die in Nederland in de medicijnen studeer- de. Na de Boerenoorlog legde de onderwijzer Wassenaar zich op het boerenbedrijf toe en woonde de laatste jaren in Pretoria etc. ..... etc. ..... Van de beide onderwijzers, oud Nederlan- ders, werd met lof gesproken en van het baanbrekend werk gewag gemaakt, dat zij op het gebied van het onderwijs in Zuid-Afrika hebben verricht.
ZEEUWSCHE KOERIER 2-4-1913 pag. 6 (advertentie)
Yochurt-bacteriën herstellen maag- en ingewandenziekten, vernietigen de grondoorzaken van vele ongesteldheden.
Anske L. Boomsma, BERLIKUM (Fr.), vertegenwoordiger voor Nederland der Yoghurt-Mühlrad-preparaten.
NOCH EAT OER IT MITTERRREITHER ORGEL yn de KOEPELTSJERKE
Dizze is nei in grutte restauraasje op 22-1-2016 troch de Fa. Reil út Heerde wer yn gebrûk nommen. De stemming fan it oargel is licht wizige. Om gearspul mei oare ynstruminten mooglik te meitsjen is hjirfoar in transposysjeklavier tafoege. Dit losse klavier kin op it manuaal pleatst wurde wêrtroch no ek koaren, korpsen en solisten beglide wurde kinne. It oargel is it earste oargel yn Fryslân wêrby it klavier destiids oan de sydkante pleatst waard. De bekende oargelist Theo Jellema neamde dit oargel it meast elegante oargel yn Fryslân en mei 14 registers op ien klavier sels in unikum.
GEDACHTENISREDE
GEDACHTENISREDE uitgesproken in de Oosterkerk ( grifformearde tsjerke te Arnhem) op 30-6-1912 troch de hjir earder tusken 1881 en 1885 stien hawwende Herfoarme dûmny H. Hoekstra. Dit nei oanlieding fan it 25 jierrich bestean fan de Oosterkerk te Arnhem.
Twa frachminten út syn rede as protest tsjin it Tjerklik Reglemint fan 1816 :
“Hoewel ook rechtzinnigen wel partij getrokken van de bedoelde bepaling uit de reglementen. In mijn tweede standplaats BERLIKUM in Friesland was sedert ongeveer een eeuw geen predikant geweest die al den raad Gods verkondigde. De instelling der Kiescolleges echter kwam. En nu gingen de orthodoxen in die gemeente zich sterken voor de kerkelijke stemmingen door zich met hoopen te laten “aannemen” bij rechtzinnige predikanten in de buurt. Zoo kregen ze de meerderheid onder de stemgerechtigden en zetten zo door het Kiescollege den kerkeraad om. Toen de moderne predikant stierf, konden ze een orthodoxe predikant beroepen. De keuze viel op mij. Toen ik gekomen was, heeft de “moderne”minderheid op hare beurt zich ook nog een enkele maal op die wijze in haar getal zoeken te versterken. En ook wij, als orthodoxe kerkeraad achtten toen er niets tegen te kunnen doen, dat met behulp van de door ons afgegeven attesten van zedelijk gedrag , die mensen elders “aangenomen” werden en op bericht daarvan in ons lidmatenboek hunne namen werden opgenomen.
“Als onder hen als gereformeerden (herformden) terugkeer tot Gereformeerde Kerkordening komt, is er niets meer wat ons kerkelijk gescheiden behoeft te houden”.
Yn 1951 krige de Herfoarme tsjerke in nije Tjerke Oarder. In ferieniging tusken beide tsjerken koe no net mear tsjinhâlden wurde. De fúzje ta P.K. Gemeente fûn hjir yn BERLTSUM plak op 19-9-2010.
DE BÛTERHOEKE
De tagong fan de Bûterhoeke fanôf de Buorren oan de haven en fierderop is yn 1933 ferbreedde troch de oankeap fan stripen grûn fan de bewenners. Yn begjin de 19de ieu wie de Bûterhoeke noch in smelle modderreed.
H. W. STEENSTRA
ALGEMEENE GESCHIEDENIS van FRIESLAND, een volksleesboek door H. W. Steenstra, onderwijzer te Dongjum. Uitgegeven in 1845 bij de uitgever en boekhandelaar J. Bloemsma te Minnertsga.
Ynskriuwers ûnder oare wiene : A.(art) K.(lazes) Aartsma, boer te Sint Jabik, J.(an) M.(innes) Anema, kastlein te Berltsum, G.(erben) J.(acobs) Faber, smid te Berltsum, F.(okke) W.(illems) Fokkens, wolkjimmer te Berltsum, K.(laas) K.(lazes) van Gelder, boer te Berltsum, S.(ijne) van der Goot, minniste dûmny te Berltsum, K.(laas) B.(arteles) Hoogterp, sirurgyn te Berltsum, J.(an) A.(ukes) van der Meij, bakker te Berltsum, K.(ornelis) D.(irks) Mulder van Leens, boer te Wier, S.(joerd) W.(illems) Osinga, ticheler te Berltsum, P.(ieter) J.(ans) Pieterzen, boer te Berltsum, P.(ieter) P. Plantinga, griffier te Berltsum, A.(be) A.(bes) Postma, bakker te Berltsum, S.(joerd) Riemersma, bakker te Berltsum, K.(laas) (Alberts)Wetterau, skoalmaster te Berltsum.
PLAT GLÊS
Der steane no grutte kassen yn BERLTSUM. It kweken ûnder plat glês is lykwols sûnt 1904 yn gebrûk kaam. Der waarden meast augurken, komkommers en meloenen ûnder kweekt. Yn Menameradiel wie yn 1913 al sa’n 3000m2 plat glês yn gebrûk nommen.
REEDENS
It reedriden yn Nederlân kent in lange unike skiednis. Ús lege lân is yn de winter by útstek geskikt om jin oer it iis fuort te bewegen. Nearne op de wrâld treffe jo by in iiswinter dan ek safolle minsken op reedens as yn Nederlân. Dat wie ek sa yn de 15de ieu en bart oant hjoed de dei ta. Nederlân is noch altiten toanoanjaand op dit mêd en foaral Fryslân. Op it meast rjochter paniel fan de preekstoel yn de Koepeltsjerke hjir yn BERLTSUM binne neist de skelpen en de kweeparren twa reedens útsnien. Net allinne yn BERLTSUM mar ek yn de Boalserter Martini- tsjerke út 1662 is op de barokke preekstoel by de útbylde fjouwer jiertiden op it winterpaniel in reed te sjen. De preekstoel is makke út ien iik. Trije pleatslike timmerlju hawwe der trije jier oan wurke. Yn de tsjerke fan Weinterp út 1778 stiet ek in preekstoel yn Loadewyk XVI styl mei moai fersierd houtsnijwurk. Ek hjir binne reedens op te sjen, it binne krulreedens mei twa riemgatten en in fioelfoarmich foetblêd. Gjin Fryske reedens dus.
STIMHAWWENDE HÚZEN
It reglement reformatoir fan 1748 bepaalde “dat hornlegers (buorkerijen) rekkene wurde sille foar de eigenlike grûnen wêrop stimmen lizze. In útsûndering waard lykwols makke û. o. foar húzen sûnder lân op it kohier fan 1640. Sa fynt men, seit de skriuwer fan den “Tegenwoordige Staat” yn de buerten fan in pear doarpen húzen, welke it rjocht fan stimming besitte, “schoon ze niet voorzien zijn met het bepaalde getal pondemaaten lands, hebbende zulks hedendaags plaats te BERLIKUM, Koudum, Molkwerum enz. en wel uit hoofde van een overoud recht, dat deze huizen reeds lang voor 1640 genooten hebben”. It binne de útsûnderingen dy’t as rigel stelde dat it stimrjocht oan buorkerijen ferbûn wie. It soe te krijen hawwe kinne dat neist de (grut)grûnbe- sitters yn (eardere) seeplakken in klasse fan troch replik fermogen woltierige hannels- en skipfaart lju foarme binne, dy’t harren oandiel yn it doarpsbestjoer witten hiene te krijen neist de besitters fan pleatsen.
“DE HONDERD”
GOOGLE : Zijn de eiken kromstijlen op zolder van “De Honderd” afkomstig van een schip ?
Eigners fan “De Honderd”, de eardere pleats yn it Kleaster Anjum. Yn 1651 kocht de Amster- damse keapman Hans Nuys de pleats fan Juliana van Dekema. (hierders fan de pleats wiene û. o. Jan Pytters Runia, hy is op de pleats fallyt gien en de widdo fan Gorrit (Gerrold) Nannes). Folle letter yn 1916 kocht Pieter Jans Kuperus “De Honderd” foar fl. 2200,- fan boer Meije Vollema. Syn twa soannen ferkochten it ferwaarleaze en útwenne pân oan de Amsterdamse keunstner Fred Fritschy. Yn 1964 waard it haad fan de iepenbiere skoalle, Arend Douma, de eigner. In kaart út 1651 lit sjen hoe grut “De Honderd” west hat mei 86 pm (27 ha) en in dowetil. De namme “De Honderd” is al hiel âld en komt foar yn de registers fan it kleaster Corvey by Fulda. De namme “De Honderd” hat nei alle gedachten te krijen mei in centena, in lytse bestjoers- ienheid dy’t bestie út hûndert gesinshaden of kriichslju. Yn it jier 839 is it gebiet (* by in yn Kreuznach opmakke akte troch keizer Loadewyk de Vrome oan in sekere Gerulfus Camminga skonken. Hy moast him yn ruil derfoar wol hâlde oan de kleasterfoarskriften wat oangiet it bestjoeren, it ferdigenjen en de rjochtspraak yn it gebiet. Gerulfus hie hûndert gesinshaden / kriichslju sammele en foarme sa in hûndertskip. (villa Camminga-hunderi, de byinoar steande pleatsen “Kamminga” en “De Honderd”.) It hûs, nûmere Kleaster 7, wurdt no bewenne troch Bertus Klaver en Anneke Soepboer.
(* Fuotnoat :
In skinking fan it fêstguod yn it Hartochdom (Ducatus) Fryslân, yn de Gouw U.Uestracha (Westergoo) yn it doarp of lânguod (villa) Cammingahunderi en de dêromhinne lizzende plakken, foar altyd, yn folle eigendom, oan syn getrouwe greve Gerold.
DE VRIJE VRIES
Tijdschrift uitgegeven door het Friesch Genootschap voor geschied- oudheid en taalkunde en de Fryske Academy. Dr E. J. F. Smits.
De Grinzer reizgjende portrettist Berend Wierts Kunst yn syn belutsenens ta Fryslân.
Op syk nei de portretten fan Berend Wierts Kunst. ...... Berend waard berne op 21-5-1794 te Nieuwolda. Troch de opkomst fan de fotografy om 1850 hinne waard it ambacht fan de reizgjende portrettist bedrige. Somliken gienen sels de fotografy beoefenjen. Berend Kunst hat dat net dien. ............ 1848 mag wel als de Friesland periode worden aangemerkt ..... wie naar de pientere kop ziet van meester (Heerke Willems) Dijkstra uit Berlicum (BERLIKUM) voelt warme sympathie voor deze jeugdige oude, die de kinderen van het dorp 50 jaar lang les gaf in het schooltje dicht bij de kerk met het machtige koepeldak. In de eenvoudige woning van zijn achterkleindochter, de weduwe Steenstra-Osinga, hangt zijn portret nog altijd boven een oud kastje. Weinige ontdekkingen grepen mij zo in de ziel, als toen ik op een donkere november- middag in de schemertijd die kleine kamer betrad en ik, nadat het licht was aangeknipt, plotse- ling het portret zag van die vroegere dienaar der jeugd. Meester (Heerke Willems) Dijkstra was tevens ontvanger. Het salaris van schoolhoofd zal niet groot zijn geweest. Zo kwam hij tot zekere welstand, kon althans door Kunst drie portretten van zich laten maken, voor elk der drie dochters één.
IT ALTERNATYF
Regionale ferbiningen oer lân wiene krap. Om 1600 hinne gie men fan Ljouwert nei Frjentsjer fia de middelseedyk oant BERLTSUM ta en dêrnei de dyk lâns BERLTSUM, Rie en Doanjum op nei Frjentsjer. Dêrneist wie de alternatieve rûte dy’t oer de middelseedyk Bitgummole, Menaam, Dronryp, Kingmatille en Salverd nei Frjentsjer rûn. Healwei de 19de ieu waard in nije kears- rjochte strjitwei oanlein tusken Ljouwert en Harns. De nije wei lâns plantte men ipene beamen, wêrtroch dúdlike werkenbere struktueren troch it iepen lânskip fan Westergea rûnen. Yn de perioade 1830-1860 waard ek de kwaliteit fan besteande lânwegen ferbettere troch it oanbrin- gen fan ferhurding.
PIETER en ELSE BORN
Twee decennia inzet voor de allerarmsten. Pieter Born (90) was het tweede kind in het gezin van Dirk Born en Riemke Runia uit BERLTSUM. Na de christelijke hbs in Leeuwarden ging hij in 1949 wis- en natuurkunde studeren aan de Vrije Universiteit in Amsterdam. Om de studie te bekostigen gaf hij les op een middelbare school, werd student-assistent en na zijn afstuderen wetenschappelijk hoofdassistent. In 1962 promoveerde hij op een onderwerp uit de kernfysica. Pieter Born, een gereformeerde tuinderszoon uit BERLTSUM, had een glanzende toekomst voor zich. Na zijn promotie in de kernfysica kon hij zo bij Philips terecht. Maar hij en zijn vrouw Else Jongsma kozen een andere weg. Ze zetten zich in Pakistan jarenlang in voor de allerarmsten. Waar ze hun twee jongste kinderen kregen en waar ze van een van hen afscheid moesten nemen. Na een zendingsopleiding van een jaar vertrokken ze in 1963 met hun dochtertjes Marise (3) en Riemke (1) naar Murray College in Sialkot, een provinciestad in het noorden van Pakistan. Morray College was in 1880 opgericht door de Schotse zending. We gingen naar mensen die eeuwen geknecht waren geweest in het kastenstelsel van de hindoes. Altijd knecht, nooit baas, altijd slaaf, nooit vrij.
Intervieuw F.D. 17-10-2020
DE HEGE WIER
Stinswieren. Stinsen waarden 700 jier lyn boud as ferdigeningstuorren om de stinshearen (destiids haadlingen neamd)en harren sibben te beskermjen as der gefaar drige. Fan al dy stinsen is dy yn Feanwâlden (de Skierstins) de ienichst oerbleaune stins en ek as ien fan de oerbleaune ôfgroevene motten (keunstmjittige heuvels) yn Fryslân en ek yn Noard-Nederlân dy’t hjir tsjinne hawwe as ferdigeningsplak tsjin de fijannen. De Skierstins wurdt rekkene ta de Nederlânske mottekastielen : in midieuske toer dy’t op in keunstmjittige heuvel (motte) boud is mei in grêft derom hinne. It hie net folle skeeld of de motte oan de Sânwei by BERLTSUM wie ek ferdwûn. Hy wie al foar in stikje ôfgroeven (skeind) mar is dêrnei lokkich yn de 70-tiger jieren yn it kader fan de grutte Ruilferkaveling wer restaurearre en bleaun as oantins oan eardere tiden. Dêrneist is noch in ‘nederhof’ (hústerp) te sjen, dizze terp wie fan in by in stins behearrende buorkerij. De 3 huzen op de hústerp as oerbliuwsel fan dizze buorkerij op de kwelderwâl oan de Sânwei (Coutum) binne om 1960 hinne ôfbrutsen.
Hjir op de hústerp by de Hege Wier wie oant de 2e wrâldoarloch noch it restant te sjen fan in buorkerij wêr’t de Stinswier oarspronklik tabehearde. Foto fan deyn 1971 restaurearre stinswier L. C. 18-8-1972 en in foto yn it Frysk Fotorargyf 8-9-1978. De grêft wie earder minimaal 12 m breed en 2 m djip.
(Fan de destiids skeinde Hege Wier by BERLTSUM is noch in foto bewarre bleaun.)
Ek de motteheuvel by Eelsma State oan de Ottemaleane te Seisbierrum drige om 1951 hinne ek fuortskowd te wurden. De fan berte Snitser histoarikus-argeolooch Herrius Halbertsma, doe ferbûn oan de Rykstsjinst foar Âldheidkundich Boaiemûndersyk (ROB) yn Amersfoort, wist dat op it lêste momint noch te foarkommen. De eigner, de Herfoarme gemeente fan Seisbierrum, hie in fersyk ta flakskowen rjochtte oan de gemeente.
ÂLDE FRYSKE TSJERKEN
Âlde Fryske tsjerken : Beskriuwing fan de toer fan WIER. It oerwurk yn de toer is neffens OERLEVERING (blykt dus net út de tsjerkeboeken ?) út de toer fan it yn 1879 ôfbrutsen Martena of Grut Terherne yn Bitgum ôfkomstich.
(Dit kin neffens my net want yn novimber 1913 hat oerwurkmakker Enne de Haan in oerwurk ôfkomstich út it kastiel Schwartzenberg in klok oan de gevel oanbringe litten. It oerwurk út it jier 1665 rûn noch akkuraad en luts in protte bewûndering. It Wierster smeiizeren toeroerwurk is út de 18e ieu en de klok út de 14e ieu. Of hat Grut Terhorne soms twa oerwurken hân ? Dit liket my net oannimlik ta.)
KERK van WIER
YOUTUBE opname 18-2-2019 14.20 Haye Punter
Wikipedia Video’s. Centraal in het schilderachtige dorpje staat de voormalige Hervormde kerk, in de toren hangt een luidklok uit de 14e eeuw. In de kerk staat het smeedijzeren torenuurwerk uit de 18e eeuw. Er was een klokkenmaker bezig om het uurwerk op te knappen maar helaas overleed hij tijdens de restauratie. Sindsdien staat het uurwerk in de kerk opgesteld. Aan de westkant van de toren hangt een astronomisch uurwerk. Deze is tijdens te Tweede Wereldoor- log gemaakt door een Joodse klokkenmaker die in WIER ondergedoken was. In de toren staat helaas geen torenuurwerk meer. Informatie luidklok : geen opschrift, gieter annoniem, gietjaar ca 1300, diameter 75 cm, gewicht 225 kg, luidsysteem rechte as, aandrijving motor.
F.D. 7-6-1948
De geloofsbrieven van de heer Conradi (KVP) werden in orde bevonden en zo werd tot toelating besloten. Ook de heer (Waling Corn. zn) Sijtsma te BERLIKUM (CPN) werd als raadslid van de gemeente Menaldumadeel toegelaten.
Waling Sijtsma wie jierrenlang foarsitter fan de yn 1943 oprjochte lytse bisten feriening (fokkersklub) Konijnen en pluimveeclub “Het Noorden” yn BERLTSUM.
DRINKHOARN
Yn it Frysk Museum wurdt in skitterende drinkhoarn bewarre, welke oarspronklik ôfkomstich is út it doarp Boksum. Dêrop steane prachtige fersieringen op it sulverwurk. Dizze drinkhoarn datearret fan tusken 1615-1635 en is makke troch de Berltsumer sulversmit Timo Joostes. It râneskrift mei de haadletters : DIT HOORN KOMT DIE KERCKE VAN BUXUM TOE.
DE NAMMEN OP DE FRYSKE HENSBEKER ÚT 1599
It jiertal stiet tusken de persoanen Tjerck van Herema en Lucia van Walta gravearre. Dit is nei alle gedachten harren ferlooving en troujier. Dizze data binne lykwols net út boarnen bekend. Alle nammen blykje oan inoar ferbûn te wêzen. Hjirûnder in oantal sibberelaasjes fan nammen. Tjerck van Herema en Lucia van Walta, Georg van Burmania en Luts van Dekema, Haring en Georg Upkes van Burmania, Karlijn van Donia, de mem fan Fedt en Frans van Cammingha, Johan en Tjerck van Herema as bruorren, Fedt en Frans van Burmania as broer en suster. Alle persoa- nen binne berne tusken plm 1570 en 1580, dat betsjut dat hja yn 1599 tusken de 20 en 30 jier âld wienen en allegear oan inoar besibbe. De beker wurdt bewarre en is te sjen yn it Frysk Museum.
De gravearre beker wurdt taskreoun oan de itaaljaaske glêsblazers fan it Antwerpske Gelaesenhuys. De ynbringster fan it glês erfde alles fan harren tante dy’t gjin bern hie en dy’t se jierrenlang fersoarge hie. Doe’t tante ferstoar bliuw it grutte hûs en in protte antyk efter. In part fan de objekten gie nei in feiling, mar de glêzen beker fûnen se dêr net ynteressant. Keunst en kitsch-ekspert Kitty Lameris dêrtsjinoer fûn it tige ynteressant. It blyk in eardere glêzen beker út in ein fan de 16de ieu. Der binne 22 nammen fan Fryske eallju yn gravearre en is fersierd mei maskarone (sierstien yn de foarm fan in holle) en rosetsjes mei in turkoaizen pareltsje en beskildere mei blêdgoud.
Yn de TV útstjoering fan 26-9-2018 “Tussen Kunst en Kitsch” wurdt de beker troch ekspert Kitty Lameris taksearre op 85.000,- euro.
Tjerck van Herema wie letter (1633-1639) grytman fan Menameradiel en wenne yn BERLTSUM op Heerma state.
HEERMA (HEREMA) STATE
Wannear’t de state boud is, is net bekend. Tjerck van Heerma en Luts Douwes van Walta wienen de bewenners. Hy ferstoar yn 1655 en de state is doe oergien nei syn dochter Tamarinda (Tjemck) van Heerma dy’t troud wie mei harren twadde man Willem Allart Clant en dy’t dêr dêrnei wennen. Tjemck is stoarn yn 1666, 27 jier âld. De namme Clant komt foar op de grutte klok út 1663, dy’t no yn de Konkordiëntsjerke te Mannheim hinget. Tjemck harren heit wie letter troud mei Lucia (Luts) Douwes van Walta.
KEATSFERIENING “DE EARSTELING”
Hjir yn BERLTSUM bestie om 1936 hinne ek in jirpelkeaplju-keatsferiening mei de namme “De Eersteling”.
DE HYNSTETRAM
Fanôf ein 1892 oant healwei de 20ste ieu waarden yn hiel Fryslân ferskate tramlinen oanlein. Al dizze tramlinen waarden eksploïtearre troch de N.T.M. (Nederlandsche Tramweg Maatschappij). De eksploïtatie barde mei steamlokomotieven, en letter ek mei motorweinen. Neist it grutte netwurk mei trochgeande linen waarden der ek noch inkelde koarte sydlinen oanlein. Dizze wiene te djoer om eksploïtearre te wurden. Dêrom keaz de N.T.M. der foar om hynstetrammen ride te litten op dizze koarte linen. De trije hynstelinen fan de N.T.M. yn Fryslân wiene dy fan Dokkum – Feanwâlden – Sumar, Sint Anne – BERLTSUM en Makkum – Harkesyl. Tusken 14-4-1900 en 1-1-1917 waard it koarte lynsje tusken BERLTSUM en Sint Anne útfierd troch de N. T. M. mei de hynstetram. Yn tsjinstelling ta de hynsteline fan de N.T.M. nei Dokkum hat de line tusken BERLTSUM en Sint Anne nea oar ferfier dan hynstetrams hân. De spoarwiidte wie 1435 m.m. en de lingte 3,8 km.
RUSSISCHE MENNONIETEN bezoeken BERLTSUM
(26-10-2016)
De Doopsgezinde gemeente uit Fulda bezocht ‘s middags met 48 personen de Doopsgezinde gemeente te BERLTSUM. ‘s Ochtens bezocht dit Russische gezelschap onder leiding van Onijdus (Gerrits) Sijtsma het kerkje van Pingjum en werd een bezoek gebracht aan de voetsporen van de Doopsgezinden, Menno Simons in Witmarsum. Het gezelschap was diep onder de indruk van de historische verhalen die horen bij de wortels van hun geloofsgemeenschap. Voor deze Russische Mennonieten is de gezamenlijke geloofsbeleving erg belangrijk en het zoeken naar hun geschiedenis. Behalve Russische Mennonieten bezochten ook voorgaande jaren Amerikanen, Canadezen, Indonesiërs, Mexicanen en Paraguayanen de Doopsgezinde kerk in BERLTSUM op zoek naar de voetsporen van Menno Simons. De gasten zongen in het Duits en in het Russisch. Aan het einde van de middag presenteerde Onijdus Sijtsma de historie vanaf 1500 van de Mennonieten via de beamer. Ook kon Sijtsma zijn verhaal tastbaar maken door de expositie- materialen van de tentoonstelling.
BERLTSUM IS HAADSAAKLIK KALVINISTYSK
Cuius regio, eius religio – wiens gebiet, diens godtsjinst.
Luther (1483-1546) stie wol oan it begjin fan de Reformaasje, mar hy wie net de ienige reformator. Tink oan Johannes Kalvyn, in Frânske asylsiker dy’t yn Genève terjochte kaam. Hy en Luther moeten inoar nea, mar de Frânsman naam in protte tinzen fan syn meireformator oer. Dochs ferskilden hja op inkelde punten fan miening. Sa wie Kalvyn foar de skieding tusken tsjerke en steat, wilens Luther hjir net waarm foar rûn. Ek mannen as Huldrych Zwingli, dy’t in wichtige rol spile ûnder de Reformaasje yn Switserlân, en Johannes Bugenhagen, dy’t de reformatoaryske lear nei Skandinavië brocht, droegen harren stientsje by oan de foarming fan de Protestânske Tsjerke. De Reformaasje kaam yn Nederlân pas fanôf 1550, rom 30 jier neidat Luther syn stellingen publisearre hat. Nederlanners wiene mear Kalvinistysk dan Luthersk. Dit komt troch Willem van Oranje, dy’t derfoar keas Kalvinistysk te wurden. Dat wie doe min of mear de moade yn Nederlân, want Kalvyn spriek him mear út oer it “rjocht fan opstân” as Luther. Dat wol sizze dat Willem van Oranje fanút de Bibel it ferset tsjin de fijân better ferdigenje koe. It wie dus makliker om de Spanjoalen yn de Tachtichjierrige Oarloch, dy’t yn 1568 begûn, te bestriden mei Kalvyns lear yn de efterholle dan mei Luthers ideeën yn’e bûse.
De lânfoarst moast beslisse oer de fraach of de Roomske dan wol de Lutherske / Kalvinistyske godtsjinst yn syn gebiet de hearskjende wêze soe. Neffens de rjochtsrigel sa as dy oarspronklik formulearre wie, wie de Herfoarme (Grifformearde) godtsjinst fan Kalvyn net tastien. Sa fierde lykwols Frederik III. yn de Paltz dochs it Kalvinistme yn. Pas by de Frede fan Westfalen fan 1648 kaam de erkenning fan in dergelike mooglikheid mei de bykommende bepaling dat wêr’t de Grifformearde godtsjinst ynfierd waard ek de Lutherske earetsjinst tolerearre wurde moast. In algemiene oanfurde prinsipe binnen it Jeropeeske steatensysteem waard dit yn 1648 by de Frede fan Westfalen (Munster) wêrmei de 80 jierrige oarloch beëindige waard.
ROORDA
Men ferdielt dizze machtige sibbe yn trije tûken, wêrfan men de iene Roorda fan Tsjummearum neamt nei de ferneamste besitting, it âlde stamhûs ofwol “Roorda mei de heale moanne” nei it wapen dat de Roorda’s fan Tsjummearum fierden. De twadde tûke neamt men “Roorda mei de baar”, nei it lambèl, foarkommende op it skild troch harren sels as Wapen nommen. De tredde tûke Roorda fan Ginnum, nei de haadsit of ek wol “Roorda mei de Moariaansholle”, nei de kop op it Wapenskild. De âldst bekende Roorda is Johan Roorda, stoarn yn 779. Syn soan Refridus (Ruurd 755-800) is stoarn te Jeruzalem. Hy wie potestaat fan de Friezen ûnder Charlemagne. Syn soan Goffe Refridus (Godefridus) Roorda (789-845) soe mei Magnus Forteman nei Rome tein wêze en de stêd ynnommen hawwe, dy’t tsjin Keizer Karel opstien wie, as beleaning dêrfan stie de Keizer ta, dat alle Friezen dy’t yn Rome west wiene, de Keizerlike earn as heale earn yn harren wapen fiere mochten, en as Goffe Roorda dat ek dien hie. Neikommeling Haringh Sybrens Roorda (995-1042) troude mei Popck Bonga thoe Bongahûs te BERLTSUM yn 1020. Popck Bonga wie berne te BERLTSUM om it jier 1000 hinne. Haringh Sybrens Roorda syn mem wie Hil Haringhs thoe Asinga. (fan Asinga – it Heechhûs ?) De omkrite fan it Heechhiem, fallende ûnder BERLTSUM, waard destiids ek wol “de Bongahoeke” neamd.)
MEARSWÂL
Abt Aesgo II (1471-1484) fan it Kleaster Lidlum wie berne te Seisbierrum en earder pastoar fan de Sint Joaristsjerke fan Easterbierrum. Út de erfenis fan heites side jûch hy oan it Kleaster Lidlum in besitting, “Maer” neamd, ûnder Menaam. Op resinte kaarten komt ten súden fan BERLTSUM de húsnamme Meerswal foar. Njoggentjinde ieuske kaarten hawwe deselde fariant. It âldste neamen giet werom oant 1511 as sprutsen wurdt fan immen dy’t “toe” Maer wennet. Dit is nei alle gedachten it buorskip yn de krite fan de pleats “Mearswâl” yn it Kleaster Anjum. De sibbe Klaas Adams Meerstra út it Berltsumer Kleaster hat harren sibbenamme oan dizze pleats “Mearswâl” te tankjen omdat de sibbe oarspronklik ôfkomstich is fan dizze pleats.
AMKEMA
Abt Tjaerd, berne op Skylge, wie de 20ste abt fan it fetkeaper gesinde kleaster Lidlum. De ynlânske fjochterijen brochten him dêrta om it Kleaster Lidlum tsjin de stridende partijen te ferdigenjen. Sa liet hy in kastiel fan bûtengewoane sterkte bouwe op de úthôf fan it (froulu’s) kleaster, Miedum neamd, lizzende te Tsjom by Frjentsjer. De machtige skieringer gesinde sibbe Sjaerda (Sicko Syarda) yn Frjentsjer wie hjir tige op tsjin en seach dêrtroch harren macht ôfnimmen. Hja namen de abt finzen en fjouwer muontsen dy’t him beselskippen waarden deaslein, en hy liet de abt yn izeren boeien klinke en op it Sjaerdema slot, binnen Frjentsjer finzen sette. Fan dêr triek in woaste mannichte nei de úthoven fan Lidlum te Mullum, Koehoal, Wallinga, Wobbinga te Weidum en AMKEMA te BERLTSUM wêr’t hja alles ferwoastigen. Dit barde yn 1389. Dêrnei waard in soen troffen en de abt wer op frije fuotten steld.
SICCO DOUWES SJAARDEMA
Sicco Douwes Sjaardema (Frjentsjer 1328-1422). Hy wie as haadling in foarman by de Skieringers. Troch him waard striid levere tsjin de Fetkeapers yn in tal grutte fjildslaggen. Sikke sneuvele tegearre mei syn frou by de besetting fan it âlde Sjaerdemahûs yn Frjentsjer en waard dêrnei mei harren begroeven yn it KLEASTER ANJUM by BERLTSUM.
DE FREDE fan GRINS
Yn de 14e en 15e ieu wie der yn Fryslân in protte ûnrêst. De Skieringers en Fetkeapers wienen de twa stridende partijen, wêrby de Skieringers it plattelân fertsjintwurdigen en de Fetkeapers foaral de stêden. Hieltiten waarden frjemde mogendheden derby helle om it ferskil meitsje te kinnen. Sa waard yn 1496 tusken Westergoo en de stêd Grins in oerienkomst sletten, dy’t troch in protte doarpen en stêden “befêstige” waard. Sa is der ek noch yn it Grinzer argyf in akte fan oannimmen (befêstiging) fan it ferbûn út it jier 1496 tusken de stêd Grins en dy fan it lânskip Westergoo troch “recht en raad en meente fan BERLTSUM" bewarre bleaun.
MONNICKHÚZEN
wiene pleatsen en lannen, welke oan de kleasters yn eigendom tabehearden, dy’t troch leeken of saneamde konversen beboud waarden en dy’t itjinge wat fan harren deistich ûnderhâld oerbleau oan de kleasters ôfstean moasten. Sokke pleatsen neamde men Monnickhúzen. Sa wie der in Monnichhûs yn WIER, dat tabehearde oan it Berltsumer Kleaster Anjum. Yn Boksum wiene der twa fan sokke pleatsen dy’t tabehearden oan it Kleaster Lidlum. Sa ûntstie yn WIER de skaainamme Monnickhuys en waard, Liauckama, de abt fan it Kleaster Lidlum dus net troch de muontsen mar troch de konversen (leeken) fan Boksum fermoarde doe’t hy harren oanspriek op harren ûnseedlik libben dêr.
KLEASTER LIDLUM
De plattegrûn fan it Kleaster Lidlum wurdt neffens ien fan de de koartlyn fûne Dresdener kaarten út 1572 werjûn op de kadastrale kaart út 1832. De Premonstratenzer abdij Lidlum, yn it latyn Vallis Sancta Maria (Mariadal) neamd, wie ien fan de grutste en rykste kleasters fan midieusk Fryslân. By de opheffing anno 1580 beskikte it kleaster oer in grûnbesit fan mear as 1000 ha. Telle wy it guod fan de oarspronklik mei Lidlum ferbûne nonnepriorij Monnikebajum derby, dan komme wy sels op hast 1600 ha kultuergrûn. It droech yn de rin fan de tiid de ferantwurding foar de oanstelling fan pastoars yn net minder as 19 parochys w. û. dy fan BERLTSUM. Wy neame harren gjin monniken mar kanunniken (koarheren) omdat se harren, oars as muontsen, ek bûten harren kleaster bewege mochten om oan sielesoarch te dwaan. De stifting fan it Kleaster Lidlum wurdt trochgeans datearre op 1182. Dat wie neffens de skriuwer fan de bewarre bleaune abdij kronyk, de eardere Menamer en Berltsumer pastoar Sibrandus Leo, it jier wêryn’t de tsjerke wijd waard. De inisjatyfnimmers wiene de tige begoedige leken Sibo fan Lidlum en Tjalling Benneterp út Winsum. De Lidlumer mienskip bestie ynearsten út sawol manlju en froulju. Troch it letter oanslúten by de oarder fan Premonstratenzers frege in strikte skieding fan de beide seksen, wat derta liede dat foar de susters earne oars nije gebou- wen oplutsen wurde moasten. Sa ûntstie yn 1186 it froulju’s kleaster Sint Miechielsberg te Monnikebaijum. Oer de skiednis fan it Kleaster Lidlum binne wy goed ynljochte tanksij de kronyk fan Sibrandus Leo. Hy wie kleasterling fan Lidlum en is stoarn yn 1583, 54 jier âld.
Ik lêz dat yn Fryslân oan it ein fan de midsieuwen de grutste tichtens oan kleasters yn de wrâld besiet, rûn de 50 yn tal. En de muontsen sieten net stil. Hja stiften tsjerken en skoallen en giene feangrûnen en moerassen te liif. Ikker foar ikker. Sleat foar sleat. Muontsewurk om respekt foar te hawwen. Hja libben doe ek mar ien kear.
De SINT VITUSTSJERKE fan STIENS
Yn 1777 krijt de Sint Vitustsjerke fan Stiens in nije oargelkas. Dit is nedich omdat it oargel kombinearre wurdt mei oargel fan de âlde ôfbrutsen krústsjerke fan it doarp BERLTSUM.
JOHAN GEORG HEMPEL / DIRK EMBDERVELD
It is net wis oft Hempel hjir sels alle houtsnijwurk yn de Koepeltsjerke dien hat. Der wurdt oannommen dat Hempel dit wurk oannommen en ûntwurpen hat, mar dat de útfiering ek (mei)oerlitten hat oan syn feinten dy’t hjir wienen, want der wurdt kostjild betelle foar him en syn feinten. (hy hie der somtiden wol 7 á 8 yn tsjinst, sa jout hy earne sels oan) It snijwurk hjir is fan mindere kwaliteit en beslist stroef en sûnder de libbenens fan syn eardere wurk op de oare plakken.
Dirk Embderveld, de Ljouwerter byld en stienhouwer, ek earder neamd yn dit e-book, hie it grutste atelier yn Fryslân foar byldhouwerswurk yn stien en hout en paste foaral de styl fan it rococo ta, dy’t yn de rin fan de 18e ieu in ferfolch wie op de barokke styl. Syn tinkstien, de stifting fan de skoalle út 1773 oangeande, sit no yn de eastlike tsjerkemuorre mitsele efter it sitplak fan de koster.
HÛS TE KEAP YN BERLTSUM (1597 en 1602)
Daniël Jacobsz. Keest, doopsgezind graankoper en kruidenier te Franeker, overleden 1617/19 , zoon van Jacob Keest Loys, graankoper te Kortrijk, burger van Franeker 22-12-1567 en Cullekin. Hij bewoont in 1590 het huis op het Hockaert te Franeker naast herberg De Eenhoorn, dat toen nog werd uitgebaat door zijn vader. In 1597 kopen Daniël Jakops cs een huis en erf te BERLIKUM van Allert Pieters voor 161 goudguldens. In 1602 zijn Daniël Jacobsz. Keest, kruidenier te Frane- ker, en Taeke Ernst op Ameland voor 115 goudguldens kopers bij decreet van een huis te BERLI- KUM van Ebe Feddes, die een schuld van 155 car.glds had bij Daniël Jacobs.
BERLIKUM bezocht BERLICUM
Een dansgroep uit het Friese BERLIKUM bezocht zondag 2-9-1968 BERLICUM om aanwezig te zijn bij het prinsenbal. Het was er zeer gezellig en het bal met de nodige festiviteiten werd een uitbundig feest, dat ook bij de gasten zéér in de smaak viel. Zondag was er ook een druk pro- gramma. ‘s Middags lieten de vendeliers G. van der Leest en H. van Casteren aan de bezoekers iets zien van de aloude vendelkunst van het gilde Sint Joris. Het is een buitengewoon mooi contact geweest dat de carnavalsclubs tot stand hebben weten te brengen. Een bijzonder contact kwam tot stand tussen twee families, die al jarenlang veel last van elkaars naam hadden gehad en over en weer veel verkeerde post hadden ontvangen. (der wie noch gjin postkoade) doordat niet alleen de dorpsnamen hezelfde zijn, maar ook de familienaam, en nog erger, ook nog het beroep. Dat is de berlicumse bakker de Jong uit Brabant, die college is van de Berlikumse bakker (Jan) de Jong uit Friesland. De beide bakkers kennen elkaar nu voortaan goed, zodat eventuele verkeerde post toch in goede handen komt.
BERLICUM (N-BR.) TROK NAAR BERLIKUM (FR.)
14-5-1968
Met Pinksteren bracht een Berlicumse carnavalsvereniging een bezoek aan het verre BERLIKUM in Friesland, in antwoord op het bezoek dat de Friezen hier gebracht hebben. Ze werden zeer hartelijk ontvangen en hebben genoten van een mooie tocht door het Friese land. Ook Burge- meester mr. J. Bartels maakte de tocht mee en sprak de hoop uit dat er een groeiend contact tot stand gebracht zal worden tussen de beide gemeenten met dezelfde naam. Het Friese BERLIKUM ligt in een landbouwstreek, en hoewel het veel kleiner is dan ons BERLICUM, maakt het toch een iets stedelijke indruk, doordat het dicht op elkaar gebouwd is. Dit is het gevolg van het feit, dat daar vroeger een diepe inham is geweest. De Berlicumse carnavalsmensen hebben o.a. een merentocht gemaakt en daarbij gezien, dat ook het vlakke Friesland buitengewoon mooi kan zijn.
GRYTMANS/STRJITTE/STEECH / GRYT(MANS)SLEAT
Georg Ulbo van Burmania, de grytman fan Menameradiel, kocht yn 1742 foar L. 5000 in “heerlijck modern” hûs, besteande út “riale” deftige fertrekken wêryn moaie behingsels, fierders mei in skuorre en stalling, hôf e. o. foarsjoen fan allerhanne fruchtbeammen, priëlen en fierdere plantaazje ûnder BERLTSUM fan syn efterneef (* Jhr. Eduard Marius van Burmania (1700-1789), riedshear fan it Hôf fan Fryslân, dy’t nei Weidum ferhúze wie. Georg Ulbo wenne dêr mei syn frou Catharina Elisabeth Holstein oant 1750 ta. Omdat hy swier yn de skulden rekke waard it hûs c. a. op 16-11-1750 al wer publyk ferkocht foar it teloarstelde bedrach fan 1701 goudgûnen, dat wie omrekkene L. 2382. Dat wie noch net de helte fan wat hy der yn 1742 foar betelle hie. Keaper waard de tige begoedige siktaris fan Menameradiel, Hendrik van Theeken. Georg Ulbo sette him mei syn frou wer yn Ljouwert te wenjen boppe de renommearre herberch Benthem. Ik ha it fermoeden (**dat dit hûs c. a op de Terp stien hat wêrt letter it Earmhûs oan de Lytsebuor- ren stien hat en wêr’t no Berlinga State stiet. It hûs hie stimrjocht. De neioane nammen de Gryt(mans sleat, de Grytmanstrjitte (no de Fermaningstrjitte neamd), de Grytmanssteech (tusken de Grúsert en de Lytsebuorren) en it Grytmanspaad (oer de Terp) kamen hjir ek foar. It pân c. a. “ûnder” BERLTSUM soe ek slaan kinne op in wenhûs bûten BERLTSUM. As dit de eardere Heerma State wêze soe fan de grytman Heerma, dan lizze de Grytmansbeneamingen wol fier fan dit pân ôf. Heerma State lei destiids ek “yn” BERLTSUM op it Eastein. Georg Ulbo van Burmania wie befreone mei Hendrik de Valk (*** de boade fan it Hôf fan Fryslân. Moochlik dat hja inoar kenden, itsij amtlik, itsij út de kroech, want yn oerfloedich alkoholgebrûk hiene hja in mienskiplike leafhawwerij.
(* In dochterke fan Jhr Eduard Marius van Burmania t. w. Bouwina Gesina van Burmania, berne te BERLTSUM op 26-9-1735 en yn datselde jier ek yn BERLTSUM stoarn, is hjir byset yn de Heerma grêfkelder ûnder it oargel en wêrfan de grêfstien no ûnder de houten flier fan de dooptún (it doopstek) leit.
(** As dit “heerlick moderne” hûs it grutte hûs op de Terp oan de Lytsebuorren oangiet dan sil dat it yn 1736 nij stifte hûs west hawwe kinnen fan de eardere eigner/bewenner Jacob Gerbens Quader wêrfan it soantsje fan de grêve fan d’Aumale destiids de earste stien lein hat.
(** *Hendrik de Valk is de foarheit fan in protte Berltsumers wêrûnder de bern fan Klaas Jarigs van der Schaaf. Hendrik de Valk syn skoandochter, Saapke van Hazenhoek, widdo fan syn soan, dûmny Henricus Gerardus de Valk, troude dêrnei mei de Berltsumer widner kastlein Symon Siecks Baarda en kaam sa mei harren soan yn BERLTSUM te wenjen. Fan dizze soan wennen dêrnei in protte ôfstammelingen yn BERLTSUM en yn de gemeente Barradiel. In protte fan harren wiene letter fan berop húsferwers.
Grytman TSJERCK van HEERMA tsjinoer de MINNISTEN
In plakaat wêr’t de Minnisten muoite mei hienen, wie dat fan febrewaris 1586 oer de houliks- slúting. In protte fan harren winsken nammentlik allinne foar de miente fan de leauwens- bruorren yn it houlik te gean. Om harren ta it neilibjen fan de wet te twingen, hat Tsjerck van Heerma, de grytman fan Menameradiel, yn 1623 by in Sierck Annes, de bêste meubels yn beslach nimme litten (as it foldwaan oan de boete) en drige de oare deis de oaren lyksa te behanneljen. Âldste Jacob Claesz. “cum sociïs wêzende fan de gesindte fan Menno Simons ofte Jan Jacobs-gesinden yn de gritenije Menameradiel wenêftich”, kearde him doe ta Deputearre Steaten. De útslach is net bekend. Op Kromwâl by Britswert skynde de Fermaner yn de tsjinst ris sein te hawwen, dat grytman Tsjerck van Heerma te BERLTSUM by nacht holpen waard troch de dûvel, dy’t in lantearne of toartse foar him útdroech. Sawat yn it midden fan de 17de ieu waard de posysje fan de Minnisten yn Fryslân folle geunstiger.
JOHANNES CASPAR SCHICK 1676-1747 / HENDRIK TAEDES van THEEKEN 1747-1763 / dr. JOH. MEBIUS 1763-1802.
Trije in protte foarkommende nammen fan gemeente-siktarissen yn dit e-book.
Hja dienen net oan feitlike rjochtspraak. Hja wienen wol faak ôfstudearre as jurist mar it wie net fereaske as gemeente-siktaris. De rjochtspraak waard dien troch de Grytman mei syn mei-rjoch- ters (bysitters), it saneamde Nedergerjocht. It Hôf fan Fryslân wie foar kriminele saken. Yn Menameradiel wienen dat der trije. As taak hienen de gemeente-siktarissen – en foar de boar- gers folle wichtiger – saken as ynboelbeskriuwingen en skiedingen, it beneamen fan kuratoaren oer wezen, it ôfhearren fan rekkeningen fan kuratoaren, it proklamearjen fan ferkeapings, it hâlden fan ynboelguod, it registrearjen fan kontrakten, it opmeitsjen fan belêstingkohieren etc. etc. It measte fan harren wurk is no min of mear oernommen troch de notarissen.
OP BESSUM
“Hemmema State” op Bessum ûnder Bitgum wurdt letter “Donia State” neamd. Krekt as te BERLTSUM, wurdt as eigner neamd Doeke Hemmema. De State is yn it begjin fan de 15de ieu of al earder boud. Yn 1511 is de State yn eigendom fan Alef Hettes Hemmema, de broer fan Doeke Hettes Hemmema fan BERLTSUM. Alef is dejinge dy’t yn 1496 meihelpt it hûs fan syn broer Doeke Hemmema, “Hemmema State” te BERLTSUM te ferdigenjen tsjin de Grinzers. Alef stoar om 1525 hinne sûnder bern nei te litten en de Hemmema State op Bessum gie oer nei syn healsuster Syts van Hemmema dy’t yn 1488 troud wie mei Sierck Keimpes Donia. De State waard dêrnei Donia State neamd. Al om 1439 hinne wurdt der in Hemmema State op Bessum neamd. Dêrút blykt dat dit hûs doe al in folle grutter en foarneamer foarkommen hie as de simpele ferdigenbere wentoer dy’t stins (stienhûs) neamd waard en wêr ‘t Fryslân destiids rom mei besaaid wie.
Soe it wêze kinne dat de stinstoer, destiids stien hawwende op de Hegewier oan de Sânwei, de foargonger west hat fan dizze letter boude “Hemmema State” State op Bessum ûnder Bitgum ? of fan it dêrnei boude “Grut Terhorne” fan de Martena’s tusken Bitgum en Bitgummermole ?
IT STÚDZJELIEN GERRIT van BELCUM út 1480
jout al ieuwenlang syn neikommelingen út dit fûns in bydrage foar harren stúdzje. It earder yn dit e-book neamde fûns, it “Sint Christophorileen tot Oldehove” waard bestjoerd troch de boar- gemaster en wethâlders fan Ljouwert en sûnt 1939 koene, yn stee fan ien, no mear as ien nei- kommelingen in jierlikse subsydzje krije fan 1500 euro foar syn of harren universitêre stúdzje. It Lien wurdt no behearre troch in stifting mei in bestjoer fan trije minsken. Hja meie net besibbe wêze oan de stifter Gerrit van Belcum om freonepolityk te foarkommen. De gearkomsten wurde fanâlds foarsitten troch de Kommissaris fan de Kening fan Fryslân. Oer Gerrit van Belcum is net folle bekend. Hy wie as keapman tige ryk wurden. It kapitaal is altiten yn stân bleaun omdat allinne de rinte dêrfan brûkt wurdt foar stúdzjesubsydzes. It is sa grut dat it Fûns elts jier 40 oant 50 studinten in subsydzje fan 1500 euro skinke kin. It Fûns is ien fan de âldste fûnsen yn Fryslân. Yn BERLTSUM stamme û. o. de Lolkema’s en guon fan de Lautenbachs fan Gerrit van Belcum ôf en û. o. de lanlik bekende persoanen as kabaretiêre Wieteke van Dort, politikus Geert Wilders en de histoarikus Geert Mak.
DIEVERIJ
NICOLAAS (CLAES) Joh.zn (van) AMMAMA wie studint yn de wiisbegearte te Frjentsjer. Hy waard fanwege studentikoaze misdragingen en dieverij (it stellen fan boeken út de univer- siteitsbibleteek) út Frjentsjer ferbanne. De boeken gienen tenei oan de ketting. Letter wurke hy te Britsum op Lettingastate as pedagooch foar de jonge Menno van Coehoorn (de bekende fêstingbouwer) en earder foar Ulrich Huber dy’t yn Dokkum berne waard. Menno syn mem, Catharina Hinckena van Hinckenburg, wie troud mei Gosse (Gosewinus) van Coehoorn en hja wie in dochter fan de eardere Berltsumer dûmny Jonkhear dûmny Henricus Hinckena van Hinckenburg.
STRIID OM DE MACHT EN DE EAR
De Frjentsjerter Skieringer Sicko Sjaerdema krige spul mei it Fetkeapersgesinde Kleaster Lidlum, dat in tige sterk kastiel op harren úthôf bouwde by Tsjom en dus tige ticht by de Skieringsgesinde stêd Frjentsjer. Sjaerdema ferwoastige dêrop yn 1389, as wraak, in protte fan harren úthoven w. û. Amkema by BERLTSUM. Yn 1477 barde it oarsom. Doe waard troch it Kleaster Lidlum it destiids troch de bruorren Johan en Refridus (Ruurt) Roorda te Tsommearum, tige sterk tsjin de Noarmannen boude kastiel, ferwoastige, dit yn gearwurking mei Wybe van Grovestins fan Ingelum, beide tige Fetkeapersgesind, dy’t dêrmei wraak namen op in sekere mislediging welke de Abt fan it Kleaster Lidlum ûndergean moast. Sawol de eallju as de geastlikheid striden destiids om de macht en de eare.
DE EARDERE WELLE YN DE TSJERKEFINNE
It Grinzerlân, Fryslân en Drinte kenne in enoarme tichtens fan yn de lêste iistiid foarme saneamde pingo’s dy’t no fuortlibje as markes, petgatten, moeraskes of part fan in greide. De regio telt miskien wol de grutste pingoruïnetichtens yn de wrâld. Sa binne der om Twizel hinne wol sa’n 45 ruïnes yn kaart brocht. In protte fan dizze pingo’s binne tichtsmiten. Oft de grutte welle efter yn de tsjerkefinne groeven is of ek in pingo west hat is my net bekend. It wetter wie glêshelder, dat wit ik wol, en sa no en dan boarrele it wetter op. De bisten koene der feilich út drinke. Spitigernoch is de welle mei weinen fol modder en alles en noch wat tichtsmiten.
STATE NIJEFINNE
waard yn 1721 boud op Nijefinne ûnder Sint Jabik. Nijefinne wie it sûnt 1502 troch George en Heinrich van Saksen skonken Lien oan Doecke Hemmema te BERLTSUM. Neidat de famylje Hemmema yn 1721 útstjert, komt it Lien oan de sibbe du Tour, se binne neisieten fan in suster fan de lêste Hemmema. Dy sibbe erft net alle besittings, want de Hemmemastate yn BERLTSUM komt net yn harren besit. Dêrom beslút de famylje du Tour in nije state op Nijefinne te bouwen. De opdracht ta it bouwen wurdt jûn troch kolonel David Constatijn Baron de Tour (1713-1785). Lang hat it hûs der net stien, want yn de Frânske tiid waarden dielen fan it lien ferkocht en nei de dea fan de lêste besitter, Cornelis Baron de Tour fan Bellinchave (yn 1764), wurdt it restant ek ferkocht. De state is yn 1801 op ôfbraak ferkocht oan de timmerman Jacob Tjeerds fan Minnertsgea en is doe ôfbrutsen. De state stie noard fan BERLTSUM en beneden de Blikfeart. Der is gjin tekening fan de state. Bewenner sûnt 1721 is de sibbe du Tour.
De state sil nei alle gedachten ek it foarhûs fan in pleats west ha. De pleats waard ferhierd mei wierskynlik, lykas fakentiden ôfpraat, dat in part fan de wenning beskikber bliuwe moast foar de ferhierder, dit meastal as bûtenferbliuw. Dat barde wol mear yn dy tiid. Op Nijefinne hat earder, sa wurd oannommen, earder ek bebouwing west omdat der op dit fêstguod yn it ferline stim- rjocht rêste. Hierders wiene û. o. om 1753 hinne Evert Annes Nauta tr. m. Froukjen Joh. Datema, in Eeltje Sikkes (Fennema) tr. m. IJesch (Jieske) Aukes oant 1788 en as lêste hierder yn 1801 Oene Wopkes Tolsma tr. m. Aukje Aans.
DÛMNYSFEROPPINGEN
Yn de Herfoarme tsjerke wienen tige rike en tige earme gemeenten. It tsjerkebesit hong fakentiden ôf fan wat der yn de roomske tiid oan de tsjerken skonken en neilitten waard. Eltse stêd en doarp hie dêryn sa syn eigen skiednis. De trije tsjerken op it Bilt hienen gjin tsjerkebesit lykas de doarpen om it Bilt hinne. Yn rike gemeenten waard, bûten de kollekten om, meastal gjin tsjerklike bydrage frege fan de leden, mar yn earmlêstige gemeenten barde dat wol. Immen dy’t ferhúze nei sa’n earmlêstige gemeente moast der dan ek tige oan wenne en woe it harren net oan dat dit nedich wie. Hja moasten meastal dan ek oertsjûge wurde fan de needsaak dêrfan. Yn BERLTSUM waard yn it ferline gjin tsjerklike bydrage frege, mar dat is hjoed hiel oars wurden. De pachtwet hat hjir in grutte rol yn meispile. De dûmny libbe fan de opbringsten fan de pastoralia, de tsjerkfâdy betelle it ûnderhâld fan de tsjerke út de lânpachten fan it tsjerkfâdijlân en de fûnsen, de skoalmaster libbe alhiel, of foar in part, fan it skoalmasters (kosters)lân en de diakonije kaam der yn it algemien it meast bekaaid fan ôf wat it besit oangiet. Alhoewol der wienen ek diakoniën dy’t der tige goed foarstienen, dat hja foar harren sels in (diakonije)dûmny beroppe koenen. Sa wie it tsjerkdoarpke Easthim mei sa’n 500 ynwenners tige begoedige. De tsjerklike mienskip (tegearre foarmjende mei de doarpkes Abbegea en Folsgeare) wie sa’n 700 leden grut. Dizze tsjerklike mienskip koe in dûmny somtiden wol 5000 gûne yn it jier biede en wie dêrmei ien fan de heegsten yn Nederlân. Yn BERLTSUM wie dat om dy tiid hinne sa’n 3000 gûne, wat ek in tige goed bestean joech. Doe’t yn 1872 dûmny Swijghuisen Rijgersberg fan WIER hjir beroppen waard sprong syn traktemint fan 800 nei wol sa’n 3000 gûne yn it jier. Hy wie hjir net wolkom yn BERLTSUM. Soe it salaris ek in rol meispile ha by syn beslissing om it berop, nettsjinsteane dit wittende, dochs oan te nimmen ? It útdraagjen fan syn frijsinnige (ferljochte) begjinsels yn in rjochtsinnige gemeente fûn hy ek tige wichtich as wy him leauwe meie.
ELTS WOLTINKENDE KRISTEN SOE IN KRISTEN_SOSJALIST WÊZE MOATTE
sei dûmny Sybe Bakker, berne te WIER as soan fan de Wierster skoalmaster Tjalling Bakker (earder yn dit e-book neamd). Hy fielde de maatskiplike belutsenens en bleau net by de foarbyldsfunksje fan Jezus stean, mar seach de godlike glâns fan Jezus nei Peaske. Jezus waard foar him in spirituele krêft, hy seach yn Him de fertsjintwurdiger fan de ferdrukte minske. Oan it ein fan de 19de en it begjin fan de 20ste ieu sammelden harren yn Fryslân in groep kristen-sojalistyske foargongers. Nearne yn Nederlân hiene jo sa’n konsintraasje fan kristen-sosjalis- tyske foarmannen. Hja koene inoar fan de stúdzje yn Leien en rekken befreone en ynpirearren inoar. Hja kamen úteinliks yn Fryske plattelânsgemeenten terjochte, en fergis jo net : somliken fan dy gemeenten betellen poerbêst, mear as in stedsgemeente yn in earme buert. Yn 1902 rjochtten hja it wykblêd De Blijde Wereld op, dat yn Ljouwert útjûn waard mar lanlik ferspiede waard. Yn 1905 waarden de measten lid fan de Sosjaal Demokratyske Arbeiderspartij SDAP. De Berchrede fan Jezus stie sintraal yn it tinken fan dizze groep: hja stelden de rjochtfeardigens foarop, by somliken úte him dat yn in oertsjûge passifisme. Hja publisearren oer harren idealen, mar probearren dy ek yn eigen omkriten yn praktyk te bringen. Bygelyks drankmisbrûk, dat ta in protte earmoede en ferwaarleazing laatte, bestriden se aktyf. Dûmny Sybe Bakker hie in protte ynfloed. Yn it bûtenlân wie hy ek bekend : hy preke ûnder mear yn Londen en Bremen. Syn frou Anna siet thús by de bern en moast alles draaiende hâlde. Dêrneist wie hja maatskiplik hiel aktyf. Anna Hendrika Hillegonda Bakker – Germs, de Wierster dûmnysdochter, skriuw ek regelmjittich yn De Blijde Wereld de oertinkings en de haadartikels ûnder mear oer godtsjinstige opfieding yn it gesin. Binnen de kristen-sosjalisten fan begjin de 20ste ieu sjogge jo in protte út de Grinzer Rjochting werom dy’t Jezus seagen as de grutte opfieder, as learmaster en foarbyld, mar net as ferlosser fan sûnden.
WILLEM FREDERIK GAASTERLAND
earder neamd yn dit e-book, is yn 1881 te BERLTSUM berne as soan fan skoalmaster Klaas Gaasterland en Johanna Gijsen. Hy is letter mei syn âlders nei Amsterdan fehúze. Hy gie yn 1904 nei Den Haach as boukundige en is de arsjetekt fan de eardere grifformearde (C.N.S.) skoalle (en it skoalhûs, letter kosterswente) dy’t op it plak stie fan de krústsjerke oan de Hôfsleane. Hy is ek de arsjetekt fan de yn 1908 oan de Wiersterdyk boude pastorije, no pensjon “Welgelegen”. Dit gebou is út de fin de siècle perioade, ek wol la belle epoque neamd, te typearjen mei in flecht út de realiteit mei behelp fan oermjittige moaiens en lukse.
DE TÚNBOUSKOALLE
fan BERLTSUM waard, as earste yn Nederlân, op 6-11-1922 iepene yn de eardere herberch “De Aardappelbeurs” fan Tiemen Westerbaan oan de Hôfsleane en dit wie op inisjatyf fan dr. K.H.M. van der Zande, ynspekteur fan it lânbou-ûnderwiis. De earste skoallen waarde oprjochtte foar in proeftiid fan 5 jier. Dit waard in grut sukses, der kamen 19 skoallen yn Nederlân. De Berltsumer túnbouskoalle skoalle gie út fan de gemeente Menameradiel. It earste haad fan de skoalle wie Paulus van der Heijden. Hy waard yn 1947 opfolge troch Metske Steffen Kramer. Dizze waard keazen út it trijetal M. S. Kramer, ûnderwizer te Balk, A. van der Wal, h.d.s. te Sint Jabik (Westhoek) en J. Hoekstra h.d.s. te Anten (O.)
METSKE KRAMER
Tiisdei 3 oktober 1944. Fanút it Rysterbosk wurde hjoed wer V2 raketten lansjearre rjochting Ingelân. De jûns om healwei âlven flocht in Halifax fleantûch leech oer in perseel lân by de Sleattemermar mei as doel in wapendropping út te fieren. De Balkster fersetsgroep “Watergeuzen” hie opdracht krigen dit greidlân (lâningsterrein) te besetten. De droppingsploeg bestiet hjoed û. l. f. skoalmaster Metske Kramer út Balk, berne 24-2-1908 te Hempens. Hy is troud mei Maaike Bruggenkamp, berne 11-3-1907 te Drachten. Hja wie skoaljuffer en (ere) foarsitster fan de Chr. Boeren en Tuindersbond CBTB. Kramer wie earder skoalmaster west yn Wurdum, dêrnei Balk en fandêr fertrokken se yn 1947 nei BERLTSUM. Maaike Bruggenkamp hat hjir yn BERLTSUM mei Geertje Tjeerds Runia de Chr. Plattelandsvrouwen vereniging oprjochtte.
IT SJOEKLÂN / IT STERNSE SLOTLÂN.
Sûnt 1856 wurdt de jierlikse P.C. wedstriid hâlden op it Sjûkelân, neamd nei Nicolaas (Klaas) Sjoek, “Heerenlogeminthâlder” te Frjentsjer. Sjoek hierde sûnt plm 1770 dit stik lân fan de gemeente Frjentsjer wêrop earder it Sjaerdema Slot (1446/1449-1712) stie. De hynders fan syn besikers koene hjirop stald wurde en fan hea en drinken fersjoen wurde. Nicolaas Sioek kaam fan Langenou, Kanton Bern (Switserlân). Hy is as kastlein yn desimber 1793 te Frjentsjer stoarn. Syn echte namme wie Nicolaas Zaugg. In oare, mar net sa goed trochsichtige namme foar dit keatsterrein it “Sternse Slotlân”, is ûntliend oan Carel van Sternsee, dy’it Sjaerdemaslot fan plm 1600 oant syn dea yn 1615 besiet en bewenne hat. Syn foarâlden komme fan Dútslân. Mear hjiroer, sjoch by haadstik 46 yn dit e-book by de ferkeap fan de Berltsumer tsjerkepleats yn 1777 oan Cornelis Braak út Baard.
NIET IEDEREEN IN BERLTSUM ZAT IN 1975 OP SURINAAMSE BUREN TE WACHTEN.
Suriname waard yn 1975 ûnôfhinklik. Yn dat jier emigrearren 40.000 Surinamers nei Nederlân, wêr’t hja tydlik opfongen waarden. BERLTSUM reagearre wantrouwend op harren komst. Lykas in groep Molukkers en Indo’s út Indonesië yn de jierren 50 fan de foarige ieu, waard ek dizze groep oer ferskate lokaasjes yn Nederlân ferdield, ûnder oare yn BERLTSUM. Hjir wie it wantrouwen grut. Yn it doarp klonk wjerstân. Klaas Pieters Looijenga stjoerde in ynstjoerd stik yn de Ljouwerter Krante fan 2-7-1975. Ek de bankbehearder Syds Dykstra skreau “Stel dat het je buren worden. Het zijn analfabeten en die moeten wij hier opvangen. De huizen in de omgeving worden ook meteen de helft minder waard”. “Zijn geweten zit in de rechter achterzak” skreau in ynwenner fan Sint Anne. “Zijn woning rinkelt mee met de kassa. Daar en daar alleen liggen kennelijk de Berlikumer Belangen. Zulke woorden kunnen alleen met een slechte adem gezegd worden. Daar is geen tandpasta te verhelen” aldus de briefschrijver. De opfangplakken as yn BERLTSUM bleauwen in pear jier bestean, wêrnei’t de Surinamers útwaaierden nei permanente wenten, meastal yn de grutte stêden.
NOCH EAT OER DE KLOKKERÔF
yn de Twadde Wrâldoarloch, earder yn dit e-book neamd. Der wie in hurde striid geande om safolle as mooglik wie klokken te rêden. Der wie dêroer regelmjittich kontakt mei de Dútske autoriteiten. Klokken waarden yn trije groepen ferdield. T. w. A-klokken, moderne nei 1800 getten klokken koene direkt nei Dútslân. B-klokken, mei in sekere keunstwearde. C-klokken, alle klokken en oaren dy’t safolle wearde hienen dat se sa lang mooglik fêst hâlden wurde moasten. De klok fan BERLTSUM út 1593 foel, sa’t bliken dy, net ûnder ien fan dizze kategoriën, hy waard dan ek út de toer helle. Hoewol’t nei in ynventarisaasje ek besletten wie dat alle klokken fan foar 1600 beskôge wurde moasten as monomintale klokken dy’t sparre wurde moasten. De boargemasters krigen opdracht om op al dizze klokken een ‘M” yn grutte wite letters oan te bringen.
NOCH EAT OER DE HONGAREN
yn dit e-book neamd, dy’t mei de bernetreinen nei Nederlân kamen w. û. yn BERLTSUM. Der kamen tusken 1920 en 1930 sa’n 28000 Hongaarske bern nei Nederlân om oan te sterkjen. Dit barde op inisjatyf fan Henriëtte Kuyper, de âldste dochter fan Abraham Kuyper. Har heit hie de rop om help krêft, tsjin de grutte earmoede dêr by te setten, net folle oandacht jûn, hy wie min ynformearre oer de minne tastannen dêr yn Hongarije. Guon fan dizze bern binne hjir yn Nederlân hingjen bleaun en leaflik yn de gesinnen opnommen, sa ek yn BERLTSUM yn it gesin fan Keimpe Reitsma en Jabik van Manen.
Foto bijschrift.
Na de bezetting van de brouwerij in BERLICUM vierden de Noormannen uit het Friese BERLIKUM hier uitbundig het overwinningsfeest met de Brabantse carnavalisten.
It hiele ferhaal is te lêzenop GOOGLE : Brabants Dagblad Brouwerij in Berlicum door Friese Noormannen.
De nammen dêr fan de karnavalsferiening “Dun Birrenkoal”(de berenkuil) en de stifting dêr “Dun Blauowen Beer” hawwe te krijen mei de namme Berlicum (Br.) De namme Berlicum soe ôflaat wêze fan de namme Berlio wat lytse bear betsjut. It wapen fan de eardere gemeente Berlicum is letter yn in wat lichtwizige foarm it doarpswapen wurden, in brúne bear foarstellende. Ek stiet der sûnt 2001 in byld fan in bear,
BERLTSUMER GLÊSMAKKERS
Glêsmakker Jan Abes út BERLTSUM levert yn 1613 troch him makke glês oan de tsjerke fan BERLTSUM foar 100 L. Glêsmakker Melis Meinerts út BERLTSUM levert yn 1637 troch him makke glês oan de tsjerke fan Sint Jabik foar 30 L. Melis Meinerts út BERLTSUM levert yn 1642 troch him makke glês oan it doarp Menaam foar de som fan 40 L.
NOCH EAT OER DE TROCH FRANÇOIS van SEIJS
yn 1710 oankochte grêfkelder mei grêfsark yn de tsjerke fan BERLTSUM, earder yn dit e-book neamd.
Jan Pieters de Visscher (st. yn 1541), is yn 1505 ien fan de konsorten yn it Biltse dykfak fan Joost van Mijnden, om 1523 hinne, foarkommende op it portret fan Jan van Scorel yn Haarlim. In pakesizzer fan Jan Visscher hat nei alle gedachten in rol spile by de fersprieding (as typysk Biltske buorkerij) fan de winkelheakbuorkerij. Op in kaartsje út 1594, ôfbylde yn Kuiken (boek: Het Bildt is geen eiland uit2013), steane twa winkelheakbuorkerijen op namme fan in Jan Visscher en in jonkfrou Van der Laan yn it doarpke De Zilk by Noorwijkerhout. Beide eigenaars stamden út Haarlimske elitesibben. Jan Visscher wie heegstwierskynlik in pakesizzer fan dizze Jan Pieters de Visser út 1523. Yn 1509 wienen dielen op de âlde Biltkaart fan Joost van Meijnden yn hannen fan Jan Pieters (Visser) en .......... mr. Gerrit van der Laan. (De Berltsumer Buorfinne lei ek yn de kavel fan de ealman Joost van Mijnden). Francois van Seijs syn frou, t.w. Christina Charlotte de Visscher, sil nei alle gedachten ek in ôfstammeling wêze fan dizze Jan Pieters de Visser.
NOCH EAT OER IT EARDERE KLEASTER “DOMUM SANCTI ANTHONII tom GNADENSBERG” te BERLTSUM, earder yn dit e-book neamd.
Biskop David fan Bourgondië, de biskop fan Útert, ferheft yn 1483 (as stiper) de okkerlêsten troch Hette Hemmema, haadling (“capitaneum”) dêr te BERLTSUM e.o. stifte tsjerke ta in kapitteltsjerke mei trije alters mei in dêrneist steand fraterhûs dy’t de namme “Swadenberg” draacht en dêrby de rites fan it Kapittel fan St. Maria in den Luchtenhoff by Hildesheim folgje sil, is te lêzen. Dit waard troch it midieuske (1483) Bisdom Útert lykwols mei kweatinken besjoen doe’t hja mei dizze “proeftún” fan de beweging te krijen krigen. Der waard as fout “Swadenberg” skreaun yn stee fan “Gnadensberg”.
De Moderne Devotie is ûntstien fanwege de ûnfrede mei allegear netwinske tsjerklike praktiken. Se woene in tsjerklik reveil. Sa komme in oantal ferneamden út dizze mienskip. Thomas à Kempis besocht de skoalle yn Deventer, letter ien fan de wichtigste fertsjintwurdigers fan de Moderne Devotie. Desiderius Erasmus wenne en learde by de Bruorren yn Deventer en Den Bosch en Luther folge ûnderwiis by de Bruorren yn Maagdenburg. De Beweging wurdt ek beskôge as ien fan de baanbrekkers fan de Moderne Devotie. Hette Hemmema hat nei alle gedachten ek in foarstanner fan it reveil west.
Frater Johannes de Weesalia wie yn it fraterhûs Lüchtenhofe te Hildesheim, yn 1463 en 1480, en waard yn 1483 rektor fan it nije fraterhûs te BERLTSUM. Hy wie yn dy tiid in tige bekend boekbiner.
Mgr. J. van Gils te Roermond hat noch in brevier (getijdenboek) yn besit mei it omskrift : ob laudum xpresti librum hunc recte ligaui fr(ater) Iohès (Johannes) Weesalia (d.i. kommende fan Wesel). It is in 15de ieuske bân mei in stimpel. It hânskrift is skreaun yn in Eastnederlânsk dialekt en nei alle gedachten sawol skreaun en bûn yn Wesel.
In kapitteltsjerke hat sitplakken foar de kanunniken yn it preesterkoar reservearre. Boukundich ferskilt in kapitteltsjerke net fan in net-kollegiale parochytsjerke. In kapittel of stift is in geastlike mienskip of bestjoerskolleezje. Meastal giet it in mienskip fan roomske of anglikaanske geastliken oan, dy’t ferbûn binne oan in katedraal, kapitteltsjerke of in kleaster. Omdat ûnder de gearkomsten meastal yn in seal in kapittel (haadstik) út de Bibel lêzen waard, waard dy de kapittelseal neamd. De leden fan in dergelik kapittel hjitten sekuliere kanunniken.
It kleaster (1483-1491) hat hjir û. o. troch mar in bytsje meiwurking fanút de Roomske tsjerke mar in pear jier bestien. Hette Hemmema sr. sil djip teloarsteld wêst hawwe, tink ik. Syn pakesizzer en nammegenoat Hette Hemmema jr. waard yn 1539 as grytman fan Menameradiel ûntslein omdat hy him by de Doopsgesinden hjir oansletten hie. Dizze fielde him net mear thús yn de Roomske tsjerke mei ik ferûnderstelle.
TIMON JOOSTEN, sulversmit te BERLTSUM.
In tusken 1615-1635 troch Timon Joosten (earder neamd yn dit e-book) makke drinkbeker, welke oarspronklik ôfkomstich is út Boksum, wurdt bewarre yn it Frysk Museum yn Ljouwert. It râneskrift yn haadletters : DIT HOORN KOMT DIE KERCKE VAN BOXUM TOE.
KRONYK VAN GRONINGEN EN DE OMMELANDEN (tot 1743)
Neidat de Grinzer Fetkeapers op 3-9-1496 Hemmema stins te BERLTSUM yn besit naam hienen trieken hja nei de stêd Harns ta en groeven harren dêr yn. Net lang dêrnei kamen Jr Fox en Goedschalk Jonge mei 800 man fanút Hollân by de Uiterdyk , net fier fan Harns ôf, oan lân, wêrop de Grinzers, dy’t earst begjinne woenen om te fjochtsjen, dochs noch mei harren allen werom trieken nei Ljouwert ta. Hja lieten al harren swiere artillery efter wêrûnder in grut kanon “de Swarte Geert” neamd. De Frjentsjerters sleepten in lang izeren stik harren stedswallen binnen. De Hollanners feroverden dêrop gehiel Westergo op de Fetkeapers.
(Boppeneamde jonker Nittert (Neithart) Fox, sneuvelde by Foxhol op 22-7-1499. Hy wie in Saksysk ridder en legeroanfierder, Hy wie as legeroanfierder belutsen rekke by de striid tusken de Schieringers en Fetkeapers yn Fryslân en it Grinzerlân (de Ommelannen). Hy wie yn tsjinst fan hartoch Albrecht fan Saksen. Neffens in oantal kronykskriuwers soe Fox de nammejouwer wêze fan it doarp Foxhol. Ridder Goedschalk Jonge kaam fan Boalsert.)
DE NEDERLANSE LANDWACHT
werd op 11-3-1943 opgericht als hulppolitiecorps op verzoek van Rauter door de leider van de N.S.B. uit eigen leden ter bescherming van de sinds begin 1943 toenemende aanslagen op N.S.B. ers.
Een aantal beroepslandwachters wordt gestationeerd in het gebouw van Christelijke belangen in Balk. De leiding vond de stationering nodig omdat er weinig actieve landwachters waren in de regio Lemmer en Balk. Dit had twee oorzaken. Ten eerste was het aantal N.S.B. ers in deze regio veel kleiner in verhouding tot andere gebieden. In de tweede plaats was het ontbreken van een FANATIEKE leider in de regio Lemmer en Balk een oorzaak. De leiding van de Landwacht was namelijk bang voor verraad. Om in de leemte van de Landwacht te voorzien worden beroepslandwachters naar Balk gezonden. Groepscommandant wordt Simon (D.) Wassennaar uit BERLIKUM. Hij had dezelfde functie in Dokkum. Het wordt nu oppassen voor regelmatige patrouilles. (Uit : Gaasterland in de Tweede Wereldoorlog. Het jaar 1942)
INTERVIEW : THEUNIS de VRIES, timmerman-aannemer te Koudum, d.d. 16-2-1949
Hij was vier weken op zolder ondergedoken bij slager Jan Witterman te Woudsend. Daarna bij J. D. Rensema (Renzema) in BERLIKUM. Daar werd hij opgepakt als onderduiker met Jan van Manen (“de Hongaar”, de pleegzoon van Jacob van Manen)
(Tresoar 350 nr. 1305 intervieuw met Theunis de Vries door een vertegenwoordiger van de Vereniging Friesland 1940-1945.)
Boek : OP EEN ONBEKENDE PLAATS BEGRAVEN door Geertruida Harmina (Truus) de Witte.
Slachtoffers van de April-Mei stakingen in Noord-Nederland . (de z.g.n. Melkstakingen)
...... 56 slachtoffers van de April-Mei stakingen in 1943 in Nederland, w.o. ook Willem Scholten (34) en Wieger Rekker (51) uit het Friese dorp BERLIKUM hoorden de doodstraf tegen zich uitspreken. Samen met 150 anderen hadden ze voor de zuivelfabriek gestaan om enkele vrijwilligers te verhinderen aan het werk te gaan. De werkwilligen hadden politiebegeleiding gekregen omdat ze, zo luidde de aanklacht, door de menigte werden bedreigd. Voor Rekker werd “begnädigung”gevraagd omdat hij zeven jonge kinderen had. Rauter zette beide vonissen om in 15 jaar tuchthuisstraf. Beide mannen werden via Vught naar ferskate Duitse concentratie- kampen gedeporteerd. Willem Scholten overleed op 9-12-1944 in Neuengamme, Wieger Rekker stierf op 4-3-1945 in Bergen-Belsen.
ÂLD-BERLTSUMER FOPPE REIMERS SCHIPHOF
sigarenmakker te Ljouwert, berne op 10-8-1898 as soan fan Reimer Foppes Schiphof en Pietje Dirks Hofstra fan BERLTSUM is stoarn yn it konsintraasjekamp Bergen Belsen fanwege beskikberens en by de tastânkom- ming en fersprieding fan it (kommunistyske) illigale blêd “Het Noorderlicht”. Hy waard arrestearre yn 1941 en fia de Ljouwerter finzenis op 28-11-1941 earst oerbrocht nei it konsintraasjekamp Amersfoort en dêrnei nei Dútslân.
ÂLD BERLTSUMER PIETER VENINGA,
leraar R.H.B.S., berne op 11-10-1904 te BERLTSUM, de soan fan it haad fan de iepenbiere skoalle master Joh. Veninga, as verzetslid, is stoarn op 25-1-1945 yn it konsintraasjekamp te Oraniënburg yn Dútslân. Syn namme komt foar mei noch 5 oare fersetsstrider op in betinkingsmonumint by de Nicolaï tsjerke yn Appingedam.
BAKKERS
Hjir yn BERLTSUM hawwe yn it ferline op syn meast wol 12 bakkers west en guon fan harren fregen fakentiden ek noch om bakkersfeint(en). Dat is no gâns feroare. Der is hjir no noch mar ien bakker (“de Bakkerij”) yn BERLTSUM en de ienigste súpermerk (“de Poiesz”, yn 2018 iepene as it 70ste filiaal fan de famylje Poiesz út Snits.) hjir levert no ek fan alles op dat mêd. Wêrom wiene der eartiids sa’n folle bakkers en no noch mar sa’n bytsje? Yn de jierren 20 fan de foarige ieu wie it bakkerswurk noch tige arbeidsyntsjintyf : in bakker dy’t op ien dei ien moalpûde fan 50 kilo wist te ferwurkjen ta bôle, koeke en banket, hie noch hieltiten mar genôch foar ien strjitte. Ynnovaasjes as de daaimasine en de hjitwetteroen makken it wurk makliker, sadat mei minder minsken no mear produssearre wurde kin.
SUZE BOSCHMA-BERKHOUT
keunstneres, earder neamd yn dit e-boek, dy’t it byld yn BERLTSUM fan it wetterhûntsje makke hat, is berne op 31-5-1922 yn Indramajos op West Java (Yndonesië). Nei de Twadde Wrâldoarloch folge hja in oplieding oan de keunstnijverheidskoalle yn Amsterdam. Yn 1963 fêstige se harren yn Ljouwert. Hja genoat grutte ferneamdens troch harren figuratieve bylden op in protte plakken yn Nederlân. Ferneamd is harren byld fan Bartje (1954) titelfuguer út de streekroman fan Anne de Vries, dat yn Assen stiet. Suze is stoarn op 2-7-1979, 75 jier âld.
GOOGLE : CORRESPONDENTIE tussen Albert A. Walsweer en zijn echtgenote Tjitske T. Posthuma. 1940-1942
Collectie Correspondentie NIOD Instituut voor Oorlogs-Holocaust en Genocidestudies.
Correspondentie Arbeidsinzet / Dwangarbeid (5 omslagen)
Biografie : Albert Abrahams Walsweer (1-4-1913) trad op 8-5-1934 in het huwelijk met Tjitske Tjeerds Posthuma ( St. Jac. Parochie 28-6-1914) beiden uit BERLIKUM. Het echtpaar kreeg 7 kinderen. In september 1940 vertrok Albert naar Herford in Duitsland waar bij een bloemenkwekerij kwam te werken. Naarmate de Engelsen vaker bombardeerden kreeg hij meer werk met het maken van kransen. Na een ongeval kon Albert zijn arm niet goed meer gebruiken en keerde hij in augustus 1942 terug naar huis. Lees meer over de brieven die Albert en Tjitske elkaar schreven in Nieuw in het archief het verhaal van de bloemist in Duitsland.
Albert Abrahams Walsweer wenne letter yn Heerde. De widdo fan Abraham Walsweer, t. w. Lutske Gysberts Bosma, hie letter in boekwinkel yn de Buorren 36 en liende lêzboeken út.
NOCH EAT OER DE BROER FAN DE BERLTSUMER KOMPANJYSKRIUWER MICHAËL HULSHUIS
yn dit e-book neamd.
Lolke Hulshuis as belutsene by de reboelje yn de Dongeredielen (it Doelisten opskuor). Lolke flechtte nei Hamburg en meunstere yn 1756 oan by de V.O.C. op de Gustaaf Willem fan de V.O.C.- keamer Seelân. Hy is stoarn yn dizze V.O.C. tiid (1772). Yn it Nasjonaal Argyf lizze noch bysûnderheden fan syn reis en de meunsterrollen. Lolke wie, krekt as Michaël Hulshuis, de soan fan de tige begoedige siktaris fan West-Dongeradiel Claas Jilles Hulshuis, dy’t yn Holwert op “de Stins”wenne en Baukje Lolkes Hommema dochter fan in tige begoedige boer út Jelsum. Lolke waard te Ljouwert doopt op 29-8-1714. De siktaris is stoarn op 22-5-1759 en waard begroeven by de Jacobinertsjerke te Ljouwert. Michaél Hulshuis syn heit Claas Jilles Hulshuis hat Michaël it amt as kompanjyskriuwer fan de kompanjy te foet fan kaptein D.W. van Merwede (Merwerda) te BERLTSUM yn 1740 foar him kocht. Hjir folge hy syn omke Johannes Hulshuis op. De sibbe Hulshuys komt oarspronklik út de stêd Leer (EastFryslân) Dútslân.
DE WEROPBOU nei 1945
Nei de Twadde Wrâldoarloch moast in protte boud en weropboud wurde. De weropbou wenten op it ein fan de Bûterhoeke,binne boud yn 1951, as jo der goed oplette, yn stee fan mei gewoane boustiennen, binne se opboud mei strjitstiennen wat jo net alle dagen sjogge. Wie dit soms goedkeaper ? Men woe dizze húzen jierren letter ôfbrekke, mar de bewenners wienen der poer op tsjin. Doe waarden de wenten fan binnen en bûten yn stee dêrfan restaurearre en de muorren fan bûtenom alhiel wyt ferve. Se sjogge der no wer kreas út en mei tefreden bewenners. Sa kin it dus ek. Dizze wenten waarden hjir ek wol de “kazernewenten” neamd,
DE LANDSTORM
waard nei it fertrek fan Napoleon yn 1814 oprjochte. It wie in soarte fan burgerwacht besteande út alle manlju tusken 18 en 50 jier. Hja droegen gjin unifoarm mar hienen in griene tûke op ‘e hoed as tsjinstteken. Ek droegen se gjin geweer. De piekeniers (yn Menameradiel) kamen ûnder kommando fan Klaas Klazes van Gelder, (sûkereifabrikant yn BERLTSUM) en sersjant Heerke Willems Dijkstra (skoalmaster yn BERLTSUM). It korps fan Menameradiel bestie út in kaptein, 2 luitenants, ien sersjant-majoor, 4 sersjanten, in foerier, 8 korporaals en 98 piekeniers (swurddragers). In protte manlju dy’t hjirfoar yn oanmerking kamen waarden troch (de Berltsumer húsdokter) Bartele Hoogterp ôfkard. Dejinge dy’t goedkard wienen waarden yndield by it 11de Bataljon Landstorm en de kommandant dêrfan waard luitenant-kommandant Georg Frederik thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Syn broer Wilco Holdinga (earder garde d` honneur yn it leger fan Napoleon) waard kaptein lykas (de Berltsumer skipper) Auke Aukes Tolsma. Yn ‘e staf fan dat Bataljon wie (de Berltsumer stienfabrikeur) Tetman Willems Dijkstra adjudant.
Taco Kingma – De skiednis fan Bitgum en Bitgummole.
HEMMEMA STATE (DONIA) op Bessum flak ûnder Bitgum (mar fallende yn it doarpsgebiet fan Menaam)
It doarpsgebiet fan Menaam rûn oan it Bitgumer tserkehôf ta. As grap waard der wol sein : “As de toer fan Bitgum omfalt leit hy yn Menaam”. It hûs waard yn 1788 ôfbrutsen en de skuorre yn 1859. Yn 1640 wie jonker Keimpe van Donia, wenjende op Hemmema State, de eigner fan dizze state en yn 1700 gravinne Carlson. “De Hege Wier” te Coutum oan de Sânwei, ek wol it “Joukema Sextendiel fan Menaam” neamd (besteande út 5 à 10 buorkerijen w. û. de pleats Sjoelema) hie yn 1640 Keimpe van Donia wenjende op Hemmema state (Donia) op Bessum by Bitgum as eigner, Sjoerd Eblis as pachter en yn 1700 gravinne Carlson en Bouke Jarigs as pachter. De pleats (ek wol in nederhof neamd) neist de Hege Wier stie yn 1832 en 1850 noch op de kaart en wie 39 pm grut.
TICHELWURKEN en PANBAKKERIJEN
Wybe Gerrits, de boargemaster fan Ljouwert, wie eigner fan lân yn de buert ten súden fan it Fliet mei de namme Jelgerhuis. Op dit stik lân waard in stienbakkerij beoefene. Op Kleijenburg, ek yn buert fan it Fliet, hie de yn 1551 út BERLTSUM ôfkomstige Syurd Tziummes ek in pan- en stienbakkerij.
JAN PIETERSZ.
wie as lânmjitter admittearre yn Fryslân op 8-5-1628. Hy wenne doe oan/op it Fliet bûten Ljouwert. In kaartsje út 1651 is fan him bekend fan de pleats “De Hondert” deun ûnder BERLTSUM. Op dit kaartsje stiet ek noch it eardere âld tichelwurk fan BERLTSUM oanjûn.
DE MEERVLEERMUIZEN IN DE KOEPELKERK
Bij het conserveren van hout moeten zo mogelijk voor vogels en zoogdieren ongevaarlijke stoffen worden gebruikt en geen gechloreerde koolwaterstoffen, zoals in BERLIKUM. Ook moeten de uitvliegopeningen in stand gehouden worden. Een geruchtmakend geval deed zich voor in de fraaie koepelkerk van BERLIKUM, waar bij de werkzaamheden alles was gedaan om de meervleermuizen te ontzien, tot in 1977 per abuis een uiterst schadelijk conserveringsmiddel (tegen de bonte knaagkever) werd gebruikt. Heel veel dieren gingen dood. Toen de kerk in BERLIKUM gerestaureerd werd, zaten er metersgrote gaten in het dak, maar de vleermuizen bleven een piepkleine uitvliegopening bij de dakgoot gebruiken. Dit conservatisme heeft het voordeel dat lang wordt vastgehouden aan gewoonten die hun nut hebben. Het nadeel is echter dat ze zich moeilijk kunnen aanpassen aan veranderingen. Bij de restauratie van kerken wordt tegenwoordig met vleermuizen zo veel mogelijk rekening gehouden. Dat kost geld, wat betekent dat er voornamelijk gewerkt moet worden als er geen vleermuizen zijn, in de winter dus. De wetgever heeft de vleermuis in de Natuurbeschermingswet opgenomen en tot beschermd dier uitgeroepen. Je mag ze niet verstoren of verjagen, laat staan doden .... .... Er werd door mij eens gezien hoe de vleermuizen zich door een piepkleine uitvliegopening wurmden, terwijl in verband met de renovatie het hele dak open lag.
Boek : Het dier in het dier, fan de skriuwer Koos van Zomeren.
De Berltsumer fûgelwacht makket de zolderflier fan de koepeltsjerke elts jier skjin fan flearmûzestront.
EEN BIJZONDER UI UIT BERLTSUM
uit het door Cornelis Runia B.zn in 2013 begonnen project. Eerder al blies Runia een oude Friese roggesoort nieuw leven in. Ook is hij bezig met de herintroductie van Berlikumer wortels. Het bijzondere aan de door Runia opnieuw geïntroduceerde Berltsumer bruine ui is dat hij antioxidanten bevat. Die kunnen op de lange termijn ziekten als kanker en hart- en vaatziekten (helpen) voorkomen.
APRIL /MEI 1582
Uit het Groot Placaat en Charterboek van Vriesland door Georg Frederik thoe Schwartzenber en Hohenlansberg.
Opcompsten van Sinte Anna Convent binnen Leeuwarden als van landen en renten april/mei 1582 o. a
Tjerck Ticheler, wonende tot BERLIKUM, geeft jaalix te huir 12 gouden guldens fecit xvi guldens, xvi stuuers
Pieter Jansen Oppebeijden, wonende tot BERLIKUM, geeft jaarlix 12 gouden guldens facit xvi guldens, xvi stuuers.
(It Sint Anna Convent te Ljouwert (Fiswerd) komt foar op de list fan conventen wêrfan de paters it Swols colloqium besochten en dat wiist op ferbûnens mei de Moderne Devotie dy’t ek hjir yn BERLTSUM harren fêstiging hie. Soe it Sint Anna Convent te Ljouwert fan dizze, nei 1491yn BERLTSUM opheven Devoasje, as eigner fan it fêstguod hjir, de opfolgjend eigner west hawwe ?)
DAN MAR ÔFBREKKE
Yn maart 1897 docht de (frijsinnige) dûmny fan Bitgum it konsulintskip oer oan dûmny Van Eyck van Heslinga fan BERLTSUM mei de meidieling dat hy hjir yn Sint Anne in rjochtsinnich konsulint mear op syn plak achtte. Van Eyck van Heslinga liedt mei fêste hân de restauraasje fan de alhiel ferrinnewearre Van Harentsjerke. De Synoade joech foar dit doel fl.5000,-. In som fan fl.1700,- moast fia in oare wei fûn wurde. Mei fl.6700,- soe men dus holpen wêze, mar dat rûn alwer hiel oars. Wilens men dwaande wie ûntduts men dat de pylders net mear betrouber wienen. De ferfanging dêrfan soe de begrutting mei fl.2200,- ferheegje. Men keart harren nochris ta de Synoade om in oanfolling ta dit bedrach. Dizze advisearre ôfwizend, dit op grûn fan it motyf, dat de gemeente yn noch gjin tiden sok in rom tsjerkegebou nedich hat. Lit op grûn dêrfan IT TSJERKEGEBOU fan SINT ANNE mar ÔFBREKKE en in lytsere opbouwe. In wonderlik advys. Wat de opbou fan dizze gemeente oangiet hat ds van Eyck van Heslinga in protte wurk ferset, de opbou oangeande dizze tsjerke en de gemeente. De namme fan ds van Eyck van Heslinga mei dat oangeande mei eare neamd wurde. Lokkich is dit tsjerkegebou, lykas de Hemmemapoarte yn BERLTSUM, dy’t sa ek op it oantrúnen fan ien persoan (t. w. postboade Tjisse Westra, earder yn dit e-book neamd), destiids foar BERLTSUM bewarre bleaun is.
FERMIST
Lieuwe Tjeerds Runia, berne op 23-8-1786, doopt op 24-9-1786, soan fan Tjeerd Theunis Runia en Ytje Lieuwes Hubertsma, trout op 8-1-1809 mei Hendrikje Thijssen, deihierarbeider. Hy hie him opjûn as rempleçant (plakferfanger) foar in Arjen Pieters (berne yn 1789) te Slappeterp, is op 9-11-1811 fuselier 124e reg ûnder nûmer 3537, 5e bat 4e comp 3e bat 2e comp, yn 1813 desertearret hy en wurdt ein 1814 fermist, gjin bericht ûntfongen.
OP WACHT
Het blad Op Wacht is ontstaan uit een verzetsgroep. Eind 1943 startte de groep i.v.m. de groeiende organisatie een eigen blad met de titel God-Nederland en Oranje. Deze titel werd bij nader inzien minder geschikt geacht en daarom verandert in Op Wacht, voor God-Nederland en Oranje. De oprichters waren 2 jonge ondergedoken tuinders. J. J. van Staalduinen uit ‘s Gravensande en Sijbren Lautenbach uit BERLIKUM (Fr.). Beide waren oud-militairen die naast een aantal medewerkers in het land ook medewerking kregen van een vakjournalist J. A. Ages.
(Wikipedia : Op Wacht voor God-Nederland-Oranje)
Sybren Lautenbach syn âlders dogge op 28-6-1945 in oprop yn dit blêd om ynljochtings oer harren fermiste soan . (sjoch yn dit e-book)
DE BARETKNOP
oan it rêchskot (dorsaal) fan in preekstoel. Gewoanlik is dit in boartlik detail fan in útstutsene wiisfinger wêr’t de dûmny syn baret oan ophingje kin. Yn De Lemmer fine wy op it rêchskot in útstutsen fûst, yn Drylst in hân mei dêryn in bibelboek, yn Sweins in ingelkopke en yn Raard (Rauwerd) en Tsjom is it, lykas dit ek te sjen is yn de koepeltsjerke fan BERLTSUM, in sierlik rococokrultsje. Op it rêchskot fan de barokke preekstoel yn de Van Harenstsjerke yn Sint Anne is sels in krul op in mûtel groulivich ingeltsje (in saneamde putto) te sjen. Yn Fryslân is de 6-hoekige foarm fan de kûp fan de kânsel brûklik. Der binne inkelde útsûnderingen t. w. dy yn de tsjerke fan Hûzum (8-hoekich), Lytsewâld (4-kantich) en dy fan BERLTSUM en Hârns (katederfoarmich).
VERFSCHILDERIJ “WINDSTILTE” van een botter aan het Marsdiep
geschonken aan museum it Fiskershúske te Moddergat. Gerard Mast uit Stiens schonk op 27-10-2021 een olieverfschilderij van Simon Kamminga (1895-1987) die toen in BERLIKUM woonde. Het museum bezit al een collectie van 24 werken van de hand van Kamminga. Dit betreft meest tekeningen met de Wadden en vissersschepen als onderwerp.
TEXELSE COURANT 25-12-1901
Op 2 november j.l. vonden de twee straatrovers Harm de J. en Oepke B., die er geregeld ‘s avonds opuitgaan, om op oude mensen of vreemden te loeren, een gemakkelijk slachtoffer in den 61 jarigen aardappelkoopman Boomsma uit BERLIKUM (d. i. Andele Boomsma, de op 10-9-1839 berne soan fan Willem Andeles Boomsma en Tjitske Minnes Braaksma) die met eene portefeuille met fl. 500,- in zijn zak naar huis wilde terugkeren, maar den trein miste. De twee straatrovers uit Leeuwarden waren toen direct bij de hand om hem een logement te wijzen, maar op een eenzame plaats gekomen, pakten zij hem beet, ontnamen hem al zijn geld en wierpen hem toen in een sloot. De man krabbelde er weer uit en gaf gebeurde aan. Ter terechtzitting ontkenden de twee schurken eerst alles, maar later, toen de bewijzen overtuigd waren, begonnen ze over en weer de schuld op elkander te werpen. De ambtenaar van het O. M. eischte tegen Harm 5 en tegen Oepke 4 jaar gevangenisstraf.
KASTEEL TER AA BERLICUM (N.Br.)
Fan de Hemmema Stins is gjin ôfbylding bewarre (bekend). Somtiden komme wy in ôfbylding tsjin fan it kastiel Ter Aa wat deun by Berlicum (N.Br.) stien hat fan koart nei 1520 oant 1808. Hjirby de troch Hendrik Spilman makke tekening wurdt dan foutyf BERLIKUM (Fr.) oanjûn. It kastiel Ter Aa lei oan de Run, in rivierke dat nei oan by Berlicum (N. Br.) yn de Aa útmûne. It hie gjin militêre funksje. It gebou hie in rjochthoekige plattegrûn en wie omgrêfte mei in poartegebou en in tuorke. It wie boud troch in Frans Paeuweter dy ‘t fan syn heit in strypke grûn erfd hie. Der moat yn Berlicum (N.Br.) noch in kastieltsje bestien hawwe mei deselde namme. Men sprekt yn dit ferbân wol fan Ter Aa I. en Ter Aa II.
DE GUOZZEFEAR EN IT BOEK OP IT DOARKE FAN DE PREEKSTOEL
Fearren hawwe de krêft fan it wurd. Mear as tûzen jier wienen fearren it wichtigste skriuwmateriaal. Op klaaitabletten waard noch in klaaistift brûkt en op papyrus reitpinnen, mar sadree ‘t men yn de iere midsieuwen oergie op perkamint, sa om 700 hinne, waard skriuwen mei inket gewoan. De pinne fan de fear is makke fan keratine, in droech en taai eiwyt dat ek foarkomt yn de hûd fan minsken en bisten. De pinne is hol en kin dêrtroch tsjinje as inketreservoir. De meast brûkte fear wie dy fan in guozze, simpelwei omdat dy grut en rom foariedich wie. Swannefearren waarden ek brûkt, mar dy wienen djoerder. Allinne de earste seis fearren waarden brûkt. In fear wie net mei-ien geskikt as skriuwfear. De fear moast goed útdroege wêze. Natuerlik droegjen koe jierren duorje. Dêrom waard de fear bewurke. Dat preparearjen wie noch bêst in wurkje. Ik nim mar oan dat de fear, hjir op it doarke fan de preekstoel yn de Koepeltsjerke, in guozzefear is. It boek stiet foar it dêryn skreaune Wurd fan God. Dûmny Balthasar Bekker (1634-1698) hie yn syn tiid al in tinnen pinne wêrop gravearre stie S.T.D. et V.D.M. (de ôfkoartings fan Sanctuae Theologiae Doctor en Verbi Divini Minister)
DE NAMMEN BONGA EN BEIDSCHAT
earder neamd yn dit e-book. Yn 1405 wurdt in Dena Bunga (Bonga) te BERLTSUM neamd dy’t as wapen in lely fierde. Yn 1511 (Register fan oanbring) wennen noch Bonga’s yn BERLTSUM op de Bonga stins
Op 9-6-1789 wurdt der rekkening en bewiis fan reliquia dien troch de keapman Olphert Posthumus te BERLTSUM as autorissearre kurator en administrateur oer de neilittenskip fan wln. Jacob Cornelis Beidschat, tr. m. Gepke Ebles, i. l. húsman (boer) te BERLTSUM weryn’t hieltiten de ûntfangsten fan in houtmoune te Harns en landerijen te Kimswerd opnommen binne. Dochter Trijntje fan boppeneamde Jacob Cornelis Beidschat is troud mei Gerben Dokter, bouboer te Froubuorren, wenjende op Huis Kuyck. Har heit wurdt dan neamd as houtmolenaar, grûneigner te Harns en as húsman (boer) te BERLTSUM op pleats nûmer 10 (yn it Kleaster Anjum). Olphert Olpherts Posthumus, boer yn it Kleaster Anjum, wie ek lekepreker yn de fermanje fan BERLTSUM.
BEKEARD
Op 26-9-1772 wurdt by de printerij fan H. D. Lomars te Frjentsjer in Latynsk carmen (lofgedicht/liet) printe fan dûmny Petrus Nota te Peins en Sweins op de berte fan de erfprins. Earst priizge hy de eallju de himel yn. Yn BERLTSUM is hy letter Patriottysk gesind wurden, sa hat bliken dien.
FRYSKE MERKLAPEN RÂNEN- en LETTERLAPEN
In merklape mei de namme G. van HERWIJNEN BERLIKUM 1912, te sjen yn it Museum voor Naaldkunst te Winschoten, is yn 1912 makke troch de 9 jier âlde Grietje van Herwijnen, dochter fan de sjef fan de proeftún Lammert van Herwijnen, berne te Vlaardingen op 4-2-1903. Hja siet op de C.N.S. skoalle (Griff.) yn BERLTSUM. Myn frou Dirkje Fahner, berne yn 1950 te Ljouwert, beheart ta de lêste generaasje dy’t dizze letterlapen noch makke hat op de legere skoalle. DIRKJE FAHNER LEEUWARDEN 1958 en hinget by ús boppe op de oergong oan de muorre. It is al ieuwen lang op de legere skoallen en dêrbûten in tradysje west dat de famkes dêryn ûnderwezen waarden. Yn it Frysk Museum yn Ljouwert wurde wol sa’n 600 merklapen bewarre.
IT BERLTSUMER ÂLD TICHELWURK AL FAN FIER FOAR 1551 / 1573 ?
Yn 1573 liet Wybe van Aytta yn Swichum it Aytta Godshûs bouwe. Sa’n 100.000 stien kaam út BERLTSUM en Ljouwert. Yn 1551 hat de fan BERLTSUM ôfkomstige Syurd Tziummes in stienfabryk op Kleyenburg by Ljouwert. Hy kin hjir nei alle gedachten yn BERLTSUM op it âld tichelwurk earder as eigner of wurknimmer wolris wurke ha en it stienbakkersfak leard hawwe. Yn 1582 wennet yn BERLTSUM in Tsjerck Ticheler. Ek hy kin hjir yn dy tiid it fak útoefene ha. Yn 1591 levere û. o. in Johannes Hansz. út BERLTSUM reade stien foar de bou fan it stedhûs fan Frjentsjer. It binne sa mar wat tinzen dy’t yn myn holle omgeane.
DE GRUTTE BOEKEBEAM YN DE PASTORYTÚN
wurdt wol in Apostelenbeam neamd (troch fakentiden wol 12 grutte dikke útrinnende tûken) en stiet symboal foar de tolve apostelen. It symbolisearret nei alle gedachten Kristus, in kristusbeam dus. It wie in symbolyk op in protte begraafplakken dy’t om 1850 hinne oanlein binne. De boekebeam is yn 1863 troch Taeke Klazes van der Schaaf plantte. De Apostelenbeam hat earder syn foarm krigen troch tolve jonge boekebeamkes ticht opinoar yn in plantgat te setten en dy byinoar te knoopjen. De tolve beamkes fergroeie dan ta in beam wêryn’t de tolve stammen werkenber bliuwe. Sa levert de beam, om mar in foarbyld te neamen, yn Grolloo (bekend fan it Grolsch bier) hast 170 jier lyn in belangrike, sa net de belangrykste bydrage oan de wijde sfeer fan it begraafplak dêr. Yn Fryslân kinne dizze beammen oantroffen wurde û. o. yn BERLTSUM, Wyckel, Dokkum en Tsjummearum. It ferhaal giet dat dy fan BERLTSUM yn earste ynstânsje byinoar hâlden waard troch izeren hoepen. De yn de pastorijetún steande kastanjebeam is jammergenôch yn 2017 troch in hurde stoarm omwaaid. De stam wie alhiel hol en ynreint fan binnen sa die bliken.
Omdat yn it ferline op de glêde stam fan in boekebeam faak (letter)tekens ynkrast waarden is de namme lêzboek ûntstien.Yn de hjerst waarden de donkerreade boekenútsjes troch de famke gauris samle om der in string fan te meitsjen en dy dan om de hals te dwaan. De jonges hienen harren mear fersjoen op de kastanjebeam. De kastanjes waarden mei in meske útholle om der in sabeare smokerspypke fan te meitsjen mei dêroan trochstutsen in (lolly)stâle. Fanút myn âlderlik hûs Buorren 3 hienen wy in prachtich útsicht op dizze yn myn eagen moaiste beamen fan BERLTSUM.
Yn Boalsert stiet in tige grutte plataan. Op it boardsje stiet te lêzen : “Ik heb een stamomtrek van 179 cm. Ik heb een hoogre van 22 meter. Ik heb een bladeroppervlak van 1018 m2. Mijn stam en takken bestaan uit 598 kilogram koolstof. Ik ben belangrijk, want elk jaar lever ik voor 141 dagen zuurstof voor één persoon, zuiver ik de lucht door 1544 kilogram luchtver- vuiling af te vangen . Hou ik 3500 liter regenwater vast om wateroverlast tegen te gaan. Vang ik 120.000 gram CO2 af, dat is gelijk aan 2100 autokilometers. Beammen binne tige wichtich en fertsjinje om beskerme te wurden.
STEEDHÂLDERS FAN FRYSLÂN
as fertsjintwurdigers fan Kening Philips II. fan Spanje.
Jan van Ligne, grêve fan Aremberg 1549-1568
Karel fan Brimeu, grêve fan Megen 1568-1572
Gillis fan Barlaymont, heer fan Hierges 1572-1574
CASPAR di ROBLES, heer fan Billy 1572 of 1574-1576
Georg fan Lailang, grêve fan Rennenburg 1576-1581
François Verdugo, heer fan Schengen 1581-1594
BERLTSUM 20-10-1572
Yn 1572 liet Caspar di Robles (Billy) om de eardere Krústsjerke fan BERLTSUM hinne in grêft mei wallen opsmite as fortifikaasje mei in besetting fan 500 Walen (Waalske hiersoldaten) ûnder oanfiering fan de kapteins Opij en Mosio om in oanfal fan 2000 Geuzen (de fijan) mei kanonnen te wjerstean. Hjir is destiids in kaart fan tekene as in ferslach fan de kriichshannelingen dy’t der plak fûn hawwe. De wiidútrinnende earder neamde Foarstrjitte (de brede Buorren) rinnende fanôf de fortifikaasje oant de Grúsert ta dy’t ûnder de Buorren trochrint wurdt hjirop frij precys oanjûn. De Berltsumers en de ynwenners út de omkriten moasten ûnder twang oan de fortifikaasje wurkje en de hiersoldaten mei ûnderhâlde. Dienen hja dit net dan soenen se swier straft wurde. De Robles woe foarkomme dat de fanút de Súdersee en de Waadsee optsjende Wettergeuzen harren ferienigje soenen. Caspar de Robles koe mei gemak de opstannen fan de Fryske stêden delslaan. Yn tsjinstelling ta Hollân hie Fryslân mar lytse stêden dy’t ek faak gjin ferdigeningswurken hienen.
(Earder yn dit e-book de Robles atlassen neamd. Dizze Robleskaarten lizze yn de Universiteit fan Texas at Arlington Libraries en yn Dresden.)
SICKE HEMMEMA,
de soan fan de Berltsumer haadling Hette Hemmema, earder yn dit e-book neamd, wie in bestrider fan it byleauwen (astrology) en hekserij. Al yn de midsieuwen waard astrology troch de tsjerke feroardield mar fanwege der tsjin waard net kommen. De skolastikus Thomas fan Aquino (1225-1274) wie in oanhinger fan de astrology. Philippus Melanchton (1497-1560) jilde ek as in ferdigener fan de astrology. Johannes Calvijn (1509-1564) wijdde in apart traktaat oan de astrology. Hy feroardielde de astrologyske wittenskip as sadanich net, mar wol wiisde hy de judisiële foarm ôf. Sicke Hemmema út BERLTSUM probearre yn 1583 mei in systematysk ûndersyk oan te toanen dat dat astrology net wurke. Ek Eise Eisinga hat dit oantoane wollen troch syn planetarium wat hy yn Frjentsjer boud hat.
WAT SOE HY ÚTFRETTEN HAWWE ?
Johannes de Lazu út BERLTSUM, berne op 16-10-1821 komt te ferstjerren yn de militêre finzenis te Oegstgeest (pesthuis) 1825-1886. Hy is de soan fan de op 10-1-1799 te Kampen berne Pieter Johannes Lodewijksz de Lazeu, arbeider en letter túnker te BERLTSUM, syn heit is te BERLTSUM troud mei Saakje Jan Heerkesz Hoekstra earst wenjende te Kampen en letter yn BERLTSUM . Wat soe Johannes útfretten hawwe ?
DE VALK
sibbe, earder yn dit e-book neamd, is in sibbe fan skilders, lykas de Hoitsma sibbe hjir ek wie. Mar it sit ek yn it bloed sa hat bliken dien. Harren foarheit Jan Feickes (de Valk) en Grietje Hendricks wienen de heit en mem fan Hendrick de Valk (1674-1746) dy’t troud wie mei Marie La Mort. Hy is doopt op7-10-1674 te Ljouwert en om 1746 hinne stoarn te Ljouwert. Hy, Hendrick, ek wol Hendrickus neamd, wurdt op 2-12-1693 lid fan it Sint Lucasgilde te Haarlem. “Skildenaar” te Frjentsjer (1702) en letter klerk op it kantoar fan Epe Schellinga, buolguodûntfanger fan Ljouwert. Fan syn hân binne 4 portretten fan heechleararen bewarre bleaun, allegearre yn it Museum ‘t Coopmanshûs yn Frjentsjer. Twa dêrfan datearje út de perioade dat hy Frjentsjer al wer ferlitten hie. It giet om de portretten fan de professoaren Johannes van der Waeijen sr. , Jacobus Rhenferd, Johannes Regius en Lambertus Bos. Guon ôfstammelingen mei de efternamme De Valk binne hjir letter yn BERLTSUM ek (hús)skilder wurden. In protte neikommelingen wenje no noch yn BERLTSUM en omkriten en kinne dizze portretten fan harren foarheit dêr nochris bewûnderje, as hja dit wolle. (bgl. tink ik oan dy fan Tjeerd Ulbes Nieuwenhuis, Klaas Jarigs van der Schaaf, Feico Ales Vogel en syn soan Anne (Andrew) Vogel de stifter fan de Diamond Vogel Paints fabriken yn Orange City yn Amearika yn 1926 earder yn dit e-book neamd, Jacobus Jans Wassenaar (tr. m. Hiltje van der Schaaf),Wopke Aukes Miedema, Dirk Ales Strooisma, Hendrik Gerbens Siegersma, Klaas Adams Meerstra , Lourens Minderts Zwart etc.)
Sjoch yn dit e-book by Hendricus de Valk / Grytman Ulbo van Burmania/ Saapke Hasenhoek.
TSJERKE ÛNDERHÂLD
Om de safolle jier stiet de Berltsumer tsjerke wer ris yn de steegers fanwege ûnderhâld. Dat barde eartiids ek al. Sibrandus Leo hjiroer yn syn amtskroniken t. t. f. de yn Easterlittens berne Berltsumer pastoar Hesselius om 1432 hinne, dêrnei abt fan it kleaster Lidlum.
Hesselius. In pago Aesterletens natus intrans frequentat, literis summopere proficiens suos coetaneus facile superat. Harum indies moiori captus dulcedine. Sumpta hereditate academiam invisit moioris literature gratia. Rediens se suaque omnia zelo plenus divino religioni dedicat monasticae. Virtuti studens et pietati ecclesie ut verus pastor praeficatur BERLKOMANAE, hanc ut sponsum suspiciens, quantum in ipso fuit restauravit industria. Turrim moto tecto arundineo, lapido exornat tecto antiorum sacrae partem fenistris vitreis caeteris eminentoribus, totemque templum novo sternit pavimento. Pastoris domum primarium eadum tecto lapido exorat, agros et redditus amplificiare graviter studet.
Ofwol troch my yn it Frysk oerset :
Hessel wie yn it doarp Easterlittens berne en nei Lidlum brocht wêr’t hy de skoalle besocht en him sa yn de studzje ûnderskiedde, dat hy muoiteleas syn jiergenoaten oertrof. Fan dei oant dei waard hy troch de grutte sweetens dêrfan grepen, en nei in erfenis krigen te hawwen gie hy nei de akadeemje om him fierder yn de wittenskip te ferdjipjen. Weromkommen wijde hy himsels en alles wat hy besiet fol godlike iver ta oan it kleasterlibben. Hy beoefene de deugd en frommens en waard as in wiere hoerder oansteld oer de tsjerke fan BERLTSUM; hy achtte harren heech as syn bruid en werstelde de tsjerke mei iver wêr’t hy oer beskikte. FAN DE TOER LIET HY (OM 1432 HINNE) IT REIDTEK FUORTHELJE EN DÊR IEN FAN PANNEN OPLIZZE; YN IT FOARSTE DIEL FAN IT HILLICHDOM LIET HY NIJE GLÊZEN RÚTEN OANBRINGE, FOLLE MOAIER AS DE FOARIGE; IT DAK (FAN DE TSJERKE) LIET HY MEI DESELDE RÛNE PANNEN BEDEKKE. DE MOAIE TROCH ABT EELCO (LIAUCKEMA) BOUDE PASTORIJE FERNIJDE HY MEI IN NIJ STIENNEN DAK EN HY DIE SYN ÚTERSTE BÊST OM DE PASTORIJELANNEN ÚT TE WREIDZJEN EN HARREN OPBRINGSTEN TE FERGRUTSJEN.
HUIDEKOPER
Noch eat oer de yn dit e-book earder neamde Huidekoper sibbe.
Huidekoper, de Nederlânske minniste sibbe komt oarspronklik fan Harns wêr’t Anne Huidekoper in hannel driuw yn hûden, fandêr de namme. Hy wie om 1640 hinne berne. Syn soan Jan Annes Huidekoper (stoarn yn 1740) wie in loyaal lid fan de Doopsgesinde gemeente yn Harns. In pakesizzer fan Jan Annes H , Harm Jan H., yn 1776 berne te Hoogeveen,emigrearre nei de Feriene Steaten, wêr’t hy earst klerk wie fan de Holland Land Companjy en dêrnei yndustrieel. Hy stiftte yn Meadville (Pennsylvania) in Unitaryske tsjerke, welke ienige troubles feroarsake hat. Hy publisearre in oantal teologyske wurken en waard de grûnlizzer fan de Amearikaanske tûke fan dizze sibbe. In healbroer fan Harm Jan H. wie Jan Annes H. (berne yn 1766 te BERLTSUM en stoarn yn Amsterdam yn 1835), troude mei Geertruy Margaretha Stinstra. Dizze Jan Annes H. út BERLTSUM is de grûnlizzer fan de Amsterdamse tûke fan de Huidekoper sibbe yn wichtige saken en hege posysjes en wie dêrtroch in tige ynfloedryk man. Hy wie lid fan de Amsterdamse gemeenterie en lid fan de direksje fan de “Great Fishery” of the Levant Trade, fan de Amsterdamse Keamer fan Keaphannel en wie dêrfan letter de presidint. Hy tsjinne dêr twa perioaden t. w. fan 1796-1801 en 1811-1825 de Minniste gemeente. Jan Annes syn fjouwer soannen wienen allegearre mannen fan grutte betsjutting. A.) Anne Willem (1796-1841) studearre rjochten en wie rjochter yn Amsterdam en lid fan de Amsterdamse rie. B.) Pieter (1798-1852) lid fan de Amsterdamse gemeenterie, fan de Twadde Keamer fan de Steaten Generaal, boargemaster fan Amsterdam (1841-1849). Dêrneist wie hy bankier en lieder fan in hannelskompanjy. Hywie troud mei in telg út de ek tige begoedige en ynfloedrike sibbe van Eeghen, Sara Geertruida van Eeghen. C. ) Jan H. (1801-1876), keapman, troude mei syn nicht Catharina Huidekoper út Harns. D. ) Albert (1807-1854) troude mei Alette Jacoba Rahusen en wie ek hannelsman en diaken yn Amsterdam 1836-1840. De sibbe Huidekoper hie in bûtenferbliuw yn Breukelen welke bekend stie om syn keunstskatten. Fan de lêste Harnser tûke mei noch Anne Willem Huidekoper neamd wurde, soan fan Jan Huidekoper, hy wie berne op 23-8-1836 te Mullum by Harns en stoar op 7-4-1900 te Arnhem. Nei syn stúdzje oan it Amsterdams Doopsgesinde Seminarium waard hy dûmny oan de folgjende minniste gemeenten Burg Waal en Easterein op Tessel (1861-1863), Boalsert (1863-1873), Koog Zaandijk (1873-1877) en Almelo (1877-1878) en yn 1878 ferliet hy it dûmnyskip om yn Amsterdam in bank te stiftsjen. Hy wie earst troud mei Susanna Jacobi Portielje (stoarn yn 1836) en dêrnei mei harren suster Cornelia Maria Portielje.
“TOERENBURG”
Keizer Maximilaan hie de Hartoch fan Saksen it alhiele noch net bedike Bilt yn folle eigendom skonken. Al lang foardat de Saksen hjir kamen wiene de bûtendykse grûnen, troch dejingen dy’t mienden der troch it âld Fryske rjocht, rjocht op te hawwen, as oanlizzers, al ta-eigene. Sa hie Doeke Hettes Hemmema al 35 moargen grûn op it Bilt lizzen. Beide, sawol de Saks as Hemmema, mienden dan ek rjocht op it lân te hawwen. De erfgenamten, de beide soannen fan de dêrnei yn 1500 ferstoarne Hartoch fan Saksen woenen dit skeel foarkomme en kamen mei it foarstel om Hemmema der (foar bewezen tsjinsten) 15 moargen by te jaan en dan de 50 moargen grûn as in Lien fan harren oan te nimmen. Dus de Saks as lienhear en de haadling Hemmema as lienman. Dit waard oerienkaam en de lienbrief waard op 13-10-1502 troch de beide partijen tekene. Sa waard ek Toerenburg, op it Bilt lizzende as lien op dizze wize oan Hessel van Martena skonken foar bewezen tsjinsten, allinne is hjir nea in akte fan opmakke
Der bestiet in âlde kaart fan it Bilt út 1571 tekene troch Jan Jansen Koster fan Sint Anne. Hjir komt it hûs Nijefinne net op foar. Op de kaart fan Winsemius út 1622 ek net. Om 1655 hinne moat der in hûs op stien hawwe want op it stimkohier komt dan as earste foar de besitter fan Nijefenne as stimgerjochtige fan dit hûs.
Yn 1658 wie de tydlike bewenner fan it hearenhûs op de “Nije Fenne”, de eardere grytman fan it Bilt, Willem van Haren, dy’t troud wie mei in dochter fan Doeke (Duco) Hemmema. Hja wennen dêrnei yn Sint Anne op it Slot wat neist de doarpstsjerke stie. Yn it jier dêrop, yn 1659, waard Nije Fenne ferhierd oan in sekere Pytter Gerrits. Dy wenne op it hearenhûs of op in dêr oanboude of in derneist steande wente of bûten it Bilt , dat soe kinne. Yn 1698 wienen in Wybe Wytzes, yn 1738 in Johannes Tjerx, in Eeltje Sikkes Fennema tr. m. Yesck (Jisk) Aukes oant 1788 en yn 1791 Evert Annes Nauta, tr. m. Grietje Gjalts de hierders fan Nije Fenne. Oan it ein fan de 18de ieu gie it berchôfwaarts mei de Nije Fenne. Yn 1801 wie, as lêste hierder fan dit Lien dêr, Wopke Oenes Tolsma tr. m. Aukje Aans.
Doeke fan Hemmema, de lêste manlike telch út dizze sibbe, berne yn 1652 en stoarn yn 1721 wie yn 1710 troud mei Civile Susanna du Tour, de widdo fan Jacques grêve d’Aumale. It houlik bliuw sûnder bern en gienen de eigendommen fan Hemmema nei syn dea oer op syn widdo. Doe’t ek dy ferstoar waard in soan út harren earste houlik t. w. Karel Duco grêve d’Aumale erfgenamt. De dochter fan suster Wilhelmia fan de lêste manlike telch fan Hemmema, Albertina fan Tamminga wie troud mei David Constantijn du Tour dy’t wer in broer wie fan Civile Susanna du Tour, troud mei Doeke fan Hemmema. Hja wienen dus meiinoar om besibbe.
Neffens dûmny Petrus Nota wie op moandei 8 desimber 1727 in Baron David Constantijn du Tour op Nije Fenne stoarn, 70 jier âld en yn BERLTSUM begroeven. Baron David Constantijn du Tour, Heer fan Havennes, Pommerade en Malerets, troud mei Albertina Onno’s Tamminga, wie Rie en Rintmaster fan de Domeinen fan Fryslân, kommitearre fan de Steate gearkomst foar Fryslân fan de Steaten Generaal en hat dêr ek wenne. Dizze waard berne op freed 25-5-1657 te Leien en wie de soan fan Baron Marc du Tour, Hear fan Havennes, Pommerade en Malerets. De sibbe du Tour hie noch in state yn besit op it Bilt lizzende ûnder it gebiet fan Froubuorren (no stiet dêr op ditselde plak in pleats yn it fjild mei in dêrhinne rinnende lange oprit en is yn de fierte te sjen fanút it Bitgumerbosk, no mei de namme “Toerenburg”.
GROMBACH
Frits Grombach wie mei de Saksyske hartogen nei Fryslân kommen. Hy waard ek yn 1515 troch de Saksyske hartogen (fanwege bewezen tsjinsten)beliend mei 40 moargen Biltlân en troch syn houlik mei Luts de dochter fan Hessel Martena waard hy de eigner fan “Great Terhorne” te Bitgum en dizze stins gie dêrnei troch it houlik fan harren dochter Maria mei Johan Onuphrius baron thoe Schwartsenberg wer oer nei dizze sibbe.
MANNHEIM
De Nederlânsk-Dútse Keamer fan Keaphannel hat oan de stêd Mannheim by gelegenheid fan harren 350 jierrich bestean in boekwurk oanbean, titele “Mannheim Wahrzeichen des Europäischen Rheines 1607-1957”. In protte Nederlânske en Flaamske protestanten binne destiids foar harren feiligens útweken nei de Palts en foaral nei Mannheim, Nederlân hat in grutte ynfloed hân op Mannheim. Nei de ferwoastingen fan de 30-jierrige oarloch waard de opbou fan Mannheim ûnder hânnen nommen troch de Hagenaar Jakob van Deijl en in protte oare Nederlanners. Yn de 18 ieu spile Nederlân noch in beskieden rol yn de opkreazing fan de stêd, doe’t Heidelberg no ophâlde residinsje fan de Palts te wêzen, wilens it residinsjeslot fan Mannheim troch in Roomsk keurfoarst boud waard yn de styl fan de Frânske sinnekening Loadewyk XIV. Mar de liedklok fan de yn 1777 ôfbrutsen doarpstsjerke fan BERLTSUM liedt dan dochs mar fanôf 1803 no en dan oer de ûnder Nederlanske ynfloed stifte stêd ! Soe dit barren ek ûnder ynfloed fan de Nederlanners dêr plak fûn hawwe ?
GYSBERT IDSES
ôfkomstich fan Menaam, master kúper te BERLTSUM, troude op 9-6-1687 mei Welmoed Haenties Leijenaar fan Harns ôfkomstich. Welmoed Haentjes wie foar 2/3 eigner fan in hûs te Harns. Harren broer is Hendrik Haentjes is master kúper te Nijlân. Claes Jansen (Cuperus), kúper te BERLTSUM, hie yn 1679 syn kúperij ferkocht.
IN MOEDIGE ÂLD-BERLTSUMER BELEANE
Jochum Rinnerts, no wenjende te Moarnewâld, jout oan dat hy 25 jier ferlyn (yn 1571) en doe wenjende te BERLTSUM, mei syn skip (skûte) yn Ljouwert lein hat by it Ferlaat, en dat hy dêr by nacht fan de Waalske soldaten fan de Hear fan Billy (Caspar de Robles) fernommen en it fermoeden krigen hie dat dizze in ûnferhoedske oanfal op Frjentsjer yn it sin hienen en doe mei syn kloet dwers troch it fjild rûn is om de Hearen dêr yn Frjentsjer te warskôgjen en dêr no noch yn syn âldens ienige fergoeding foar freget. Dit mei in befêstiging fan Wybe van Grovestins, no Grytman fan Menameradiel, dy’t doe as hopman mei syn soldaten dêr legere wie en dat dit op wierheid rêst.
Mei goedkarren fan it Rjocht fan de stêd Frjentsjer krijt hy dêrom no noch op 14 oktober 1596 in beleaning fan 12 caroli gûnen tawezen.
DE FREDE FAN GRINS
moast in definityf ein meitsje oan de Grutte Fryske Oarloch. It ferdrach waard sletten op 1 februaris 1496 yn de stêd Grins en waard persoanlik ûndertekene troch 94 haadlingen w. û. de haadling Hemmema mei syn Recht en Raad en Meente fan BERLTSUM op 28-6-1496. Njoggen jier lang gienen de Fryske lannen tusken Flie en Weser bûke ûnder oarlogsgeweld, feroarsake troch skeel tusken de Schieringers, op dat momint stype troch de greve fan Hollân, Jan fan Beieren, en de alliearden besteande út de Fetkeapers, de partij fan de Bronkhorsten en de sibbe Onsta yn Grins, stype troch Ocko II tom Brok. (in Hil fan Onsta ,ôfkomstich út dizze Grinzer sibbe, wie te Bitgum troud om 1424 hinne mei Doeke Hettes Hemmema) Earder besykjen om in ein te meitsjen oan de fjochterijen, mislearren hieltiten omdat ien fan de partijen him net oan de ôfspraken hâlde. Yn Fryslân bewesten de Lauwers soe de partijstriid tusken de Schieringers en de Fetkeapers al gau wer yn alle fûlens oplôgje.
Yn 1496 kaam de grutte ommekear. Hartoch Albrecht fan Saksen ferliende ienige stype oan de Skieringer partij fan Hemmema cs. troch de út Dútslân weihelle ridder Nuttert (Neithard) Fox (Fuchs) hjir hinne te stjoeren mei 800 hiersoldaten. (Dizze Dútske ridder hie in suster Maria dy’t hjir ek kommen wie mei harren twa soannen Hans en Frits mei de hjir ek bekende namme von Grombach.) Fox kaam by Surch oan wâl en fûn stipe yn in grut oantal troch de Grinzer Fetkeapers plondere boeren. De Fetkeapers, hoewol sterker yn macht, gienen op de flecht en waarden troch de Skieringgesinde Boalserter haadling Goslick Jongema (Juwinga) efterfolge. Jongema hie, neidat de Hemmema stins te BERLTSUM troch de Grinzer Fetkeapers ferlitten wie, in fruchteleaze oanfal dien op de stins. Neidat it fersterke wie waard it “behâldens liif en gewear” foar besetting oerjûn en naam Fox der besit fan. Sa kaam de stins yn 1496 wer yn hannen fan de Hemmema’s.
TERMINUS MARIS MEDITERANI
(ÚTGONG)
De Romeinen sprieken fan Terminus Maris Mediterani d. w. s. plak lizzende oan it úterste fan de Middelsee. Yn 768 wurdt BERLTSUM in plak mei in tige treflike haven neamd wer’t de skippen feilich lizze koenen. Men wol ek ha dat BERLTSUM (ÚTGONG) de namme Portus Manamaris (*of de Haven fan Harmana hân hat. Nei de aadlike sibbeHarmana neamd en dy’t no noch fuortlibbet yn de namme fan de state “Grut Harmana” te Minnertgea. De sibbe wie nochal kriichseftich oanlein. It naam diel oan de striid tsjin de Noarmannen en yn de 9de ieu en oan de Krústochten yn de 11de ieu. Krekt foar it jier 1000 waard ÚTGONG troch de Noarmannen plondere. Yn 1180 briek in noard-wester stoarm los dy’t net allinne ÚTGONG mar ek in grut part fan Fryslân ûnder wetter sette. Yn datselde jier briek yn desimber yn ÚTGONG in fûle brân út wêrtroch 19 húzen yn it foarnaamste part fan it stedsje ferlern gienen. Ek de Waach, wêryn’t in moai moannich bûter en tsiis lei, waard in proai fan de flammen. It stêdhûs, dat al flam fetten hie, koe troch it krêftich hanneljen fan it bestjoer fan it stedsje, holpen troch de boargerij, behâlden wurde. Yn 1191 hie it stedsje opnij fan it seewetter te lijen en yn datselde jier wie der ek wer in ynfâl fan de Noarmannen dy’t it stedsje yn pún efterlieten. It plak waard wol wer foar de safolste kear opboud, mar kaam net wer ta bloei. In protte hannelslju moatte nei Frjentsjer en Ljouwert útweken wêze, sa wol men hawwe. Oan de Middelsee bouden de Friezen nei de fernieling fan ÚTGONG 2 sterke stinsen, dy’t it lân tsjin de Noarmannen beskermje moasten.
(* Fuotnoat :
Ik (W.H.P.) tink dat men yn dit gefal de namme Manamaris, de Marnestream by Boalsert neamd, dit net wittende, ek wolris foutyf oantsjutten kinnen hat oan de nei it noarden wiid útstreamende Boarnstream (de Middelsee).
IEPEN BRIEF
fan Georg fan Saksen, wêrby’t de om Frjentsjer lizzende doarpen en kleasters ferbean wurdt om Wagen te hawwen en ambachten of neringen te driuwen yn it neidiel fan de stêd Frjentsjer. (12-7-1504)
(Hjir sil de ûndergong fan BERLTSUM yn 1504 , as opkommend en konkurearjend hannelsplak mei in Waag, tsjinoer Frjentsjer mei te krijen hân hawwe, tink ik.) In protte stêden easken it monopoalje fan it ambacht op. Guon minsken dy’t hjir in ambacht útoefenden of neringdwaande wiene soene dêrnei nei Frjentsjer ferhúze wêze, sa wol men wol hawwe.) Georg fan Saksen woe sa ek Frjentsjer tomjitte komme omdat hy Ljouwert tige begeunstige hie trochdat hy it bestjoer nei Ljouwert oerbrocht hie en Frjentsjer beneidield hie.
(Beide oernommen út it Register fan it Argyf fan Frjentsjer)
TROUW 14-2-2005
Volgens de Alkmaarse gemeentesecretaris Cox, die stadsrechten van 221 plaatsen in Nederland onderzoekt, is het Friese BERLIKUM geen dorp maar een stad. “Het heeft gedurende twee eeuwen stedelijke kenmerken gehad” zegt hij. In 1355 wordt BERLIKUM, dat aan de Middelzee ligt, een stad genoemd door de belangrijke Duitse stad Lübeck. Dat BERLIKUM nooit tot een echte stad is uitgegroeid, wijt Cox aan de verplaatsing van de handelsactiviteiten en dus de teruggang van de economie. Historicus Hans Mol van de Fryske Academy weerspreekt de bewering van onderzoeker Joost Cox, dat Friesland geen elf maar twaalf steden telt. Mol noemt de conclusie te royaal genomen. Het klopt dat BERLIKUM in de 15de eeuw economische groei kende, vertelt hij “Een edelman beheerde het dorp en wilde er echt wat van maken. Maar het lukte niet, omdat het dorp TE DICHT BIJ LEEUWARDEN ligt”. De historicus spreekt van een mislukte stadsinrichting.
(Dat de oorzaak neffens Mol it te ticht by Ljouwert lizzen is, klopt neffens my (W. H. P.)net. De oorsaak moat earder fûn wurde by Georg fan Saksen dy’t it regear fan Frjentsjer nei Ljouwert oerbrocht hie en dêrnei Frjentsjer opgrade woe, foaral tsjin de stêd Ljouwert (sjoch de hjir boppeneamde iepen brief) en dêrom de omlizzende doarpen yn it neidiel fan Frjentsjer bringe woe, wêrûnder BERLTSUM ! ! !) De hjirop folgjende delgeande ekonomy fan it doarp is earder de oarsaak tink ik. It kin sels sa wêze dat as gefolch dêrfan in protte ûndernimmers nei Frjentsjer útweken binne. Op it mêd fan bestjoer bûtere it altiten al net tusken Frjentsjer en Ljouwert. Dat it regear letter yn Ljouwert fêstige waard siet de stêd Frjentsjer dwars en ek oer de belêstingheffing koe men it altiten net iens wurde. Sa waard yn 1600 ris in gearkomst hâlden tusken de beide stêden om in skeel út te praten en dat waard BERLTSUM omdat dit plak op neutraal terrein tusken de beide stêden yn leit. )
YN 1553
wurdt foarsteld om de kosten fan it útdjipjen fan de Rie (de Frjensjerter feart) fanôf Frjentsjer oant BERLTSUM en WIER ta troch de oanlizzende en de dêrmei ferbûne doarpen fergoedzje te litten.
(Register fan it Argyf fan Frjentsjer)
EARNE IT NIAER OP LIZZE
As by in publike ferkeaping fan húzen of lân men yn it ferline ta it einbod kommen wie, mocht de oanlizzer fan it te keap oanbeane fêstguod dêr “it niaer” op lizze, d. w. s. de keap fan de heegste bieder teneate dwaan en dit ûnreplik guod foar deselde keapsom oanfurdzje. It moat yn it ferline sa west hawwe, wol men ha, dat earst de sibbe fan de ferkeaper derfoar yn oanmerking kaam. Makke dy der gjin brûkme fan dan koe de mei-eigner der brûkme fan meitsje en dêrnei kaam de neistlizzer dêrfoar yn oanmerking. Men tinkt dat dit “rjocht fan niaer” destiids yn de wet opnommen is om it fersnipperjen fan besit te foarkommen.
THE MUSICALS (BERLTSUM)
Sjoukje Joukes de Vries, de dochter út de musikale bakkersfamylje fan it Hemmemaplein, waard yn 1965 kampioen akkordeon spyljen, mar Kees (Cornelis) Snijder út WIER en letter wenjend te BERLTSUM op de Boppe 8 koe der ek wat fan mei syn akkordeon. Hy rjochtte yn 1963 mei Johan Schokker út Harns as slachwurker “The Musicals” op. Kees en Johan sieten earst yn “The Celebrators” út Stiens. Ina (sjongeres, gitariste), de frou fan Kees, kaam der by en it waard in trio. It wie yn 1973 doe’t Johan it Duo / Trio ferliet. Fanôf doe waard Kees bystien troch syn frou Ina. Ina naam it slachwurk foar har rekkening. Letter kaam Arjen Kamminga derby. Johan Schokker siet ek yn it Trio Marten Vijver en Trio John Buss.
DE BERLTSUMER MERKE
It mei raar klinke, mar de merke (kermis) waard earder neamd “Sint Ker(ke)mis”. Oarspronklik waard op dy dei de Tsjerkemis fierd as oantinken oan de skutspatroan fan de nij stifte tsjerke. Yn earder tiden moat dit hjir yn BERLTSUM Sint Markus west hawwe en dêrnei wie dit Sint Michaël. It is de dei dat de tsjerke-ynwijing fierd waard, mei oare wurden, de jierdei fan de doarpstsjerke. Nei it religieuze (sakrale)diel waard it feest bûten op in nettsjerklike wize fuortset mei in protte nearing, muzyk en alles wat der by hearde. Ek kwaksalvers en wiersizzers dienen op sa’n dei goede saken. Mei it letter opkommende muzykkorps as sfearbringer luts it sneinskeatsen in protte minsken. De Berltsumer merke waard earder hâlden op it Skil en it Hemmemaplein en dêrnei no op it doarpsplein by de Koekoek en it keatsen earder op it VVV terrein oan de Bildtdyk. It dûnsjen moast in protte minsken nei de herberch lûke. Foar in protte Berltsumers wie dit it feest fan it jier en waard der foar sparre. In protte oare ferdivedaesje wie der foar it gewoane folk net. Fekânsjes en it besykjen fan pretparken wie foar de measte minsken net wei lein. Der wie gewoan gjin jild foar. Yn frijsinnige doarpen stie op sa’n dei de flagge op de toer. Hjir yn BERLTSUM net.
DE SKOALLE TINKSTIENNEN ÚT 1671 en 1773
De stiennen fan de eardere Berltsumer (doarps)skoallen binne no yn de muorre mitsele. De âldste út 1671 sit yn de (reade) bûtenmuorre fan it Herfoarmd Sintrum mitsele oan de tsjerkehôfskant. Dy út 1773 sit yn de binnenmuorre mitsele efter it sitplak fan de koster yn de Koepeltsjerke.
Oarspronklik gie it ûnderwiis yn Fryslân gehiel út fan de roomske tsjerke dy’t op de skoalmasters taseagen en op de learboeken fan de skoallen. Yn 1580, doe’t yn Fryslân de roomske leare ôfskaft waard, waard allinne de reformearre (herfoarmde) religy talitten. De skoalle waard de algemiene (iepenbiere) skoalle neamd. Bern op de doarpen út roomske en minniste gesinnen wienen ek op dizze skoalle oanwezen.Doe’t de skoalle fan hegerhân letter neutraal ferklearre waard, waard dat ek as yn it foardiel fan dizze groepearingen (en net-tsjerkliken) ferklearre. Doe’t harren ek de mooglikheid jûn waard om eigen skoallen te stiftsjen waard der yn de roomske doarpen dan ek gebrûk fan makke. Foar de minnisten, as lytse tsjerken, lei dit net foar de hân omdat dy mooglikheid der net wie en bleauwen dêrom de iepenbiere skoalle trou. Dit wie ek yn BERLTSUM sa. Op de iepenbiere skoallen wurdt wol de gegenheid jûn om fakultatyf kristlk ûnderwiis te jaan. Der moat in (ferwaarmd) lokaal foar beskikber steld wurde. Hjir barde dat ûnderwiis meastal troch de minniste dûmnys.
Dat de bân mei de Herfoarmde tsjerke noch lang bleaun is blykt út it feit dat oan de bou fan de earste iepenbiere skoalle út 1865 oan de Hôfsleane / hoeke Skoallestrjitte troch de Herfoarmde tsjerke noch foar in grut part oan meibetelle is. Dy út 1909, op itselde plak, is folslein troch de oerheid betelle.
MARTEN FOLPERTS BAERDT
Hy wie studint te Frjentsjer op 21-9-1660. Faandrich yn de kompanjy fan Versteveren 21-8-1652. Op 26-8-1658 waard Marten Baerdt yn de kompanjy fan kaptein Versteveren de opfolger fan Dirck van Wigera. Op 10-5-1667 waard Kempo Fullenius luitenant yn de kompanjy fan kaptein D. van Sixma as opfolger fan Marten Baerdt. Marten Baerdt bliuw frijfeint. In sibbestien leit foar it doopstek : Anno 1667 den 18 iuni sterf Marten van Baerdt, luitenant van een kompagnie te voet out 34 iaer ende leit alhier begraven. Syn namme stiet ek op de grutte klok fan BERLTSUM, no hingjende yn it Dútske Mannheim.
DE PRINSENTÚN
Doeke fan Hemmema en steedhâlder Willem Frederik hiene in soad kontakt meiinoar en giene in protte meiinoar om. Sa wenne hy fanwege syn militêre funksje dan ek mei syn gesin in protte yn Ljouwert. Op 17-4-1648 krige Doeke de steedhâlder yn BERLTSUM op besite. Hiel faak dinearren Doeke en syn frou mei de steedhâlder lykas nei in militêr barren by it beliz fan Hulst. Doeke wenne dan ek in protte yn Ljouwert wêr’t hy garde-kaptein wie fan de yn 1645 oprjochte “Vorstelijke Garde” as elite ienheid en mei nammen as beskerming fan de steedhâlder en syn gesin en it Steedhâldlik Hôf yn Ljouwert. Yn it bekende deiboek “Gloria Parendi” fan steedhâlder Willem Frederik komt de namme (Doeke) Hemmema mar leafst 127 kear foar. Sa sil de steedhâlder ek goed op de hichte west ha fan de kennis fan Doeke Hemmema oangeande de beam en plantkunde.
Yn 1648 fersocht de Fryske steedhâlder Willem Frederik, grêve fan Nassau-Dietz, it stêdsbestjoer fan Ljouwert om in part fan de Doeledwinger, in bastion yn de noardlike ferdigeningswallen, foar de oanliz fan in lusthôf brûke te meien. Dit waard tastien en dêrnei liet hy it terrein opmjitte, freedzje en beplantsje. De earste oanliz waard ûntwurpen troch jonker Doeke van Hemmema út BERLTSUM, kolonel-kaptein by de garde fan Willem Frederik. Hemmema soarge foar de opkreazing fan de tún by gelegenheid fan it houlik fan Willem Frederik. It Haagse wêr’t Albertine Agnes opgroeide wie oannimlik grutter en oansjenliker as it Fryske Hôf. Mei de opkreazing fan de tún woe de steedhâlder syn jonge frou behaagje. De Hôfstêd Den Haach wie yn dy tiid bekend fanwege it prachtige bûtenguod yn huzen neite. Doeke van Hemmema hastige him dan ek om by de dichter Jacob Cats, de stifter fan it fraaiste bûtenguod, “Zorgvliet”, dat no ûnder de namme “it Catshûs”algemien bekend is, om adfys te freegjen. De Prinsentún, neffens it ûntwerp fan Hemmema, moat op it earste each toand hawwe as in renêssânsetún.
(Men wol hawwe dat Doeke Hemmema hjir yn BERLTSUM in grut oandiel yn de ûntwikkeling fan de hôf- en túnkerij de hân yn hân hat. Willem Frederik moat yn syn omgong mei Doeke hjir ek fan op de hichte west ha.)
Steedhâlder Willem Frederik koe it yn de omgong tige goed fine mei Doeke Hemmema. Hja hawwe tige faak sawol yn BERLTSUM as yn Ljouwert meiinoar iten en petearen hân is yn syn deiboek te lêzen. Willem Frederik diskusearre as Kalvinist ek graach mei roomsken . Sa notearre hy yn syn deiboek : “...... met Hemmema, Alua, collonel Herema gegeten, van de religie ende het heilige nachtmaal gedisecureerd en gedisputeert. En op 17-4-1648 besocht hy tegearre mei Doeke Hemmema de roomske húskapel (yn wenhûs Nijefenne) fan syn broer Sicke op it Bilt. Hy notearre ris it folgjende ferske, dat miskien syn fisy jout op de ferskate leauwensopfettings “Den ijver van een Papist/ ‘t Goet leeven van een Menist/De leere van de Calvinist/Maecken tesamen een recht Christ”.
Doeke wie op 23-1-1633 troud mei Barbara Erntreiter von Hofreit. Hja wie om 1600 hinne berne as dochter fan Everhard Ehrenreuter von Hoffreit en Helena Haidenburger von Kaufring. Harren heit wie fan 1609-1629 Kommandeur fan de garnizoenstêd Embden. In broer fan Barbara, ek in Everhard, wie behalve kolonel ek de opfolger fan syn heit as Kommandeur fan Embden. Everhard jr. liet kastiel Evenburg yn it Dútske Loga bouwe, wat noch altiten bestiet. Doeke en Barbara wennen nei harren houlik oant 1644 yn de Dútske garnizoen stêd Embden. Dêrnei waard hy nei alle gedachten de haadbewenner fan Hemmema State te BERLTSUM en ferhúze syn broer Sikke nei Nijefinne State. Dêrneist sil Doeke ek aktyf yn Ljouwert yn syn hûs wenne ha omdat hy in protte oerliz mei de steedhâlder hawwe moast. Trije fan de acht bern binne yn Ljouwert berne. Fan de bern hellen fiif de folwoeksen âlderdom. Trije jonges waarden offisieren yn it leger en de dochters fûnen goede houlikspartners (sjoch foar mear hjiroer yn dit e-book). Elisabeth troude yn 1658 mei de grytman fan it Bilt Willem van Haren en harren grêfkapel yn de tsjerke fan Sint Anne is der noch altiten. Doeke waard mar leafst 95 jier âld. Hy is yn BERLTSUM yn de tsjerke begroeven, mar de stien is der net mear. Syn frou Barbara wie al yn 1673 stoarn en leit neist harren man begroeven. Opfallend is, dat Doeke van Hemmema roomsk wie en bleaun is yn syn libben. Bliken hat dien dat roomske Friezen dus gewoan offisieren wurde koenen yn it Staetske leger dat tsjin in roomske fijân focht. It weromwinnen fan de frijens sil foar Doeke dus wichtiger west hawwe as de roomske leare as steatsreligy. Syn broer Sikke wie mei in roomske frou troud en bewenne Nije Finne State, en hie sels in roomske húskapel yn syn State. Op 17-4-1648 besocht steedhâlder Willem Frederik dizze kapel doe’t hy op besite wie by Doeke Hemmema. Dêr yn Nije Finne hong ek in houten boerd út 1646, welke gewach makket fan it besyk fan Fabius Gigi (Chigi) de lettere Paus Alexander VII. oan BERLTSUM (wat tige betwivele wurdt). It boerd is te sjen yn it Frysk Museum yn Ljouwert.
ARGYF MINNISTE GEMEENTE DEN HORN
De Minniste gemeente fan BERLTSUM moast op syk nei in nije foargonger. Hja dienen yn 1797 in berop op de foargonger fan de Minniste gemeente fan Den Horn t. w. Volkert Klases Klosma. De gemeente dêr woe him net kwyt en ferbine harren om syn traktemint te ferheegjen as hy bliuwt. Hy is net op it berop fan BERLTSUM yngien, sa hat bliken dien, yn BERLTSUM is yn 1797 as foargonger kommen, Ruurd Gerbens út Grou, dy’t hjir lykwols mar amper stien hat en dêrnei, in jier letter, nei Molkwar gien is.
MILITÊRE HELP FREGE
Floris van Egmond (mei de bynamme Fleurken Dunbier) 1469-1539 wie grêve fan Buren en Leerdam etc. Hy wie steedhâlder fan Gelre (1507-1511) en de earste steedhâlder fan Fryslân (1515-1518). Hy rekke belutsen yn de Gelderske oarlogen en wie û. o. oanwêzich by it beliz fan Snits. Om 1517/18 hinne joech hy it steedhâlderskip fan Fryslân op. Yn it argyf fan de stêd Ljouwert is noch in missive oanwêzich fan it stedsbestjoer fan Ljouwert oan kaptein-generaal Floris fan Egmond om militêre help tsjin de by BERLTSUM legere Geldersken (yn 1522).
JAN DIJKSTRA / JOHN DYKSTRA
Op 2 maart 2022 is yn Stiens in plakette fan de yn 1898 te Stiens yn it pân Kleaster 3 berne Jan Dijkstra ûntbleate. Hy emigrearre, doe’t hy 4 jier âld wie, mei syn âlders nei Amearika. Hy ferfong Robert Mc. Namara, dy’t troch presidint Kennedy beneamd wie as minister fan defînsje. Hy skopte it, as net learde, ta presidint-direkteur fan de Fordfabriken wrâldwiid. Syn heit en mem wennen letter mei him oan de Bitgumerdyk yn BERLTSUM wêr’t syn heit as koperslagger wurke oan it súvelfabryk fan Jouke Swart.
(Hy wurdt earder yn dit e-book neamd)
MFC “IT STEDHÛS”
Op freed 11 maart 2022 tekende de stjoergroep fan it nije multifunksjoniel sintrum (mfc) de kontrakten mei de belutsen oannimmers. De bou sil útfierd wurde troch 4 lokale ûndernimmers : Koninklijke Damstra Installatietechniek út Driesum, Lodema Electrotechniek út Ljouwert, Zijlstra Bouw út BERLTSUM en Boube- driuw Groendijk út WIER/BERLTSUM. It ynterieur is ûntwurpen troch in studint fan NHL Stenden, Aron de Jong, dy’t ek de ynterieurbou begliede sil. It gebou telt âlve hierders , in divers selskip : sjongroep de Bliid Boadskip Sjongers, Jeugdsoos “It Piipskoft”, ‘t Heechhout (it Griene Krús /de Thússoarch), de Protestânske Miente BERLTSUM (no in tsjerke yn it doarpshûs), Kreamkundige Stiens (Ferloskundigenpraktyk) , HAL Fryslân, GGD Fryslân, Fysio Stiens, Fysio de Trije, De Skûle wolwêzen, (koart sein “De Soarchstrjitte” “Âld- heidkeamer en Dokumintaasjesintrum “De Grúsert” en Musyk feriening “OpMaat” BERLTSUM. (It unike is dat der – as hierder - in tsjerke yn it MFC komt. It MFC moat takom jier yn maart realisearre wêze.
(Op it plak fan doarpshûs “It Heechhout” oan de Sportleane komt de nije en gruttere Poiesz- winkel te stean.)
GESCHIEDENIS VAN HET VERVAL DER MAGT VAN DE NEDERLANDERS IN INDIË TOT OP HET ...... .......
door
Gerard Lauts
Capitulatie / Overgave aan de Engelsen van Ceylon ( Sri Lanka) in 1795 met de volgende overeenkomsten ......
blz. 239 ..... bij de aan handen zijnde voorraad rijst, welke nog voor 5 of 6 maanden konden strekken, werd in de wijnmaand nog 336 last rijst gekocht, en kwamen op de 15de dier maand van Batavia de schepen “BERLICUM” en “Eensgezindheid”, medebrengende 600 last rijst, zoodat in die behoefte voor een geheel jaar voorzien was etc. etc. ......
blz. 380 ...... uitgezonderd de schepen “BERLICUM” en “Eensgezinheid” , die aangemerkt moeten worden als publieke eigendommen etc. etc. ......
(De fluit “BERLICUM”, 846 ton (423 last), waard fanôf it jier 1783 ferhierd oan de V. O. C. foar de feart op East-Ynje en behearde ta oan de sibbe Hoogstraten, in bekende reder fan seeskippen yn Dordtrecht, en as Hear de besitter fan de Heerlijkheid BERLICUM en MIDDELRODE (N. Br.) It skip waard op de thúsreis op 24-6-1794 by Ceylon troch de Ingelsken ferovere (konfiskearre). Sa ek it skip “Eensgezindheid”. De namme BERLICUM hat dus neat mei BERLIKUM (Fr.) te krijen.)
--------------------------------------
HET OUD-FRIESCHE STADRECHT
door
ALBARTUS TELTING
Thans een kort woord over BERLIKUM, eene plaats, die blijkens enkele oorkonden uit de 14de en 15de eeuw, oudtijds ook stedelijke rechten (o.a. recht van tol, recht van Waag etc. (W.H.P.) bezat.
Reeds in een brief, den 11den april 1355 aan de Lübecksche Raad gericht, de al meermalen vermelde Raad van Güstrow betreffende (p. 77. 80. 81), zien wij gewach gemaakt van de “Consules Westerginis Friesie et Ciuitatis BERLICHEM” .
En in eene oorkonde van 1455 treedt een volledig stedelijk bestuur op, wij maken kennis met Hetto Hemmema, nu “Houelinck over BERLIKIM, Ouderman ende Sceepenen” terwijl aan het eind van de brief “Meene Recht ende Raet” zijn vermeld.
Den 24sten november 1470 sluiten “Alderman, Scepenen ende Raed in BERLTJUM ende ‘t Wtgum een verdrag met het Franeker bestuur; de oorkonde eindigt met de verklaring : in een tioegh der wird soe habbet wy foarscrioun wse steedis secreet hwensen an dit brief (als een getuigenis der waarheid, hebben wij voorschreven, ons stadszegel aan deze brief gehangen), een nieuw bewijs, dat BERLIKUM stedelijke rechten had.
“Doecka Hemmama, Alderman toe BERLICOM” geeft met zijne “Mederechteren” den 14den october 1491 een ferdban af, de Mederechteren worden aan het slot van dezen brief “Meijsschepenen” genoemd.
Den 28sten juni 1496 eindelijk nemen “Rechters ende Raedt” ende gemene Meente van BERLIJKUM het verbond van Westergo met Groningen aan.
Hoe gering het getal der officieele stukken ook is, toch kunnen wij ons vrijwel een denkbeeld vormen van de regeering van het vroegere stadje, duidelijk bewijzen ons tenminste de oorkonden, dat ook hier eene zuiver- Friesch bewind gevonden werd.
Schotanus deelt ons verder nog mede. Dat het Oldermanschap te BERLIKUM in de familie Hemmema erfelijk was. Een Hoofdeling, uit een aanzienlijke familie die zich de erfelijke heerschappij in de stad heeft aangematigd. Deze toestand treffen wij ook te Franeker, Bolsward en Sneek aan.
Wij vermoeden, dat ook Workum, Sloten, BERLIKUM en IJlst tot deze groep van plaatsen te rekenen waren.
Aan de vriendelijke bemoeiingen van de heer mr. J. K. Schonegevel te BERLIKUM dank ik het, dat ik op het spoor kwam van de tegenwoordige bewaarplaats dezer documenten, terwijl de heer G. Colmjon mij het genoegen deed maken nader te gaan wat die Argieven bevatten.
FRANEKER COURANT 5-5-1950
Terug in het vaderland
Met het troepentransportschip “Generaal W.M. Blaek”, 25 april uit Tandjong Priok vertrokken en waarschijnlijk 19 mei te Amsterdam aankomend, wordende in het vaderland terugverwacht : P.(ieter) (Ales) Bosma, Achterweg 554, J. van Dokkumburg. Achterweg 616, R(ienk) Rienks, Menaldum Miedweg 121 (letter wenjende yn BERLTSUM), M.(eile) ( Hendriks) de Haan, Achterweg 551,
DE BUORKERIJEN OAN DE BITGUMERDYK
Op it plak fan it fabryk fan Rondaan Karosserybou oan de Bitgumerdyk stie yn 1570 in buorkerij wêr’t Dyrck Jetzes de pachter fan wie. Tusken 1694 en 1718 komt dizze buorkerij op de Schotanus-atlas fan 1694-1718 net mear foar en ek yn 1735 net mear. Yn 1735 behearde de grûn, wêr’t it fabryk fan Rondaan op stiet, ta oan Allert Alberts dy’t dêr doe in buorkerij op stifte hie. Yn 1840 wie de widdo fan Lolke van Gelder de eigneresse. Yn 1875 wiene de grûnen yn besit fan Trijntje Dirks Koopmans, de widdo fan Johannes W. Swart. Dizze troude letter mei Klaas Teakes Lautenbach. Doe stie op dizze grûnen in buorkerijke mei hiem. Soannen wiene Haring Joh. Swart dy’t wenne yn it pleatske oan de oare kant fan de Bitgumerdyk. Hy wie wurktúch- en stjerrekundige lykas de Rienksen, de Hommema’s, Arjen Roelofs en oare Fryske wurktúch- en stjerrekundigen. In oare soan Jouke Joh. Swart bewenne in buorkerij yn it Kleaster Anjum, dy’t begûn wie mei in bûterfabrykje. De lêste soan Jouke Joh. Swart ferhúze plm 1889 nei it pleatske oan de Hegedyk (Bitgumerdyk) en begûn dêr mei de dêr tsjinoer yn it pleatske wenje broer Haring Joh. Swart in súvelfabryk dy’t earst de namme “De Volharding”neamd waard. Yn 1889 wurken by de bruorren Swart 2 folwoeksen manlju en in frou, der wie in steamttsjettel fan 5 pk. Yn 1892 wiene dat der 10 man en in frou mei twa steamtsjettels fan 5 pk. Yn 1891 is Jouke Swart de ienige eigner. Der waard yn 1892, 1893, 1895, 1898, 1901 hieltiten byboud of oanboud. De N.T.M. liet in sydline oanlizze. Om 1905 hinne waard der in N.V. fan makke. N.V. Swart’s Zuivelfabrieken gev. te Leeuwarden. Noch altiten gie de oanbou troch. Nei plm 10 jier, om 1915 hinne, waarde de N.V. ûntbûn. De landerijen, dy’t der noch byhearden, waarden earst ferkocht en it fabryk gie oer oan N.V. Leijempf te Ljouwert. Ek dêrnei gie de fer- en nijbou troch. Yn 1934 wurken der 120 man en 15 jonges en wiene der 3 steamtsjettels en 37 elektryske motoren tegearre mei sa’n 233 pk fermogen.
De pleats útkommende op de rotonde op de Bitgumerdyk, no bewenne troch Harm de Vries en dêrfoar troch syn omke Cornelis en syn pake Anne Cornelis Hoekstra. Earder wenne hjir Kornelis Dirk Mulder van Leens, dy’t troud wie mei A. IJ. Sevenster. Hy hie de buorkerij tusken 1840-1842 kocht fan de yn Frjentsjer wenjende Jan Koopmans. Hy wenne dêrnei yn BERLTSUM. It hûs waard yn 1845 bewenne troch de gernier Gabe Sybrens Werkhoven e. o. Yn 1875 wie it hûs yn besit fan Balling Klazes Mollema. Nei syn dea yn 1915 is syn widdo, Joukje Tjeerds de Boer, de eigneresse. It hûs wie yn 1889 ferboud ta in dûbel wenhûs. Tusken 1840-1842 waard Klaas Rinzes de Groot de eigner en liet dêr in hûs mei in skuorre bouwe en nei syn dea wenne der as eigner/bewenner syn widdo Martha Heeres mei de bern. Yn 1889 fûn de boelskieding plak. Gerhard Klazes de Groot, Johannes Klazes de Groot en Hermanus Klazes de Groot binne dan elts foar 1/3 eigner yn it ûnreplik guod en Gerhard bewenne de pleats. Yn 1914 waard it ûnreplik guod ferkocht oan Lourens Eeltjes van den Akker, gernier te Sint Anne, dy’t dêr ek kaam te wenjen. Om 1934 hinne is Anne Cornelis Hoekstra de eigner/bewenner wurden.
FAN ADEL
Doe’t ik op 1 novimber 2004 mei de V.U.T. gie (earder foaroangeand oan myn pensjoen mei doe noch by 65 jier), en myn keamer frij kaam, waard dizze keamer yn gebrûk naam troch in my net bekend persoan mei de efternamme Engelen. Hy moast fan aadlike ôfkomst wêze sa waard my letter troch in kollega ferteld. Dizze sibbe wenne yn Ljouwert. Dit wie my net bekend. It is no yn de omgong ek net mear oan dy minsken ôf te lêzen. Dat wie eartiids wol oars. Eallju wurken net en hienen in protte te sizzen yn it maatskiplik libben. Hja hiene faak bûtenechtlike bern (bastaard bern). Net de leafde, mar stân en jild hie de oerhân by it oangean fan in houlik. Neist de lege adel komt ek de hege adel noch amper foar. In inkelde kear is it noch yn it nijs. Sa as yn 2018 doe’t troch it beslút fan de Rie fan State de studint Hugo Klynstra ta prins ferheven waard en ek noch as keninklike heechheid. Hy wie yniens prins de Bourbon de Parma wurden en lid fan de Nederlânske adel. Hugo wie nammentlik in bûtenechtlik bern fan prins Carlos de Bourbon Parma (1970) de soan fan Carlos Hugo de Bourbon Parma (1930-2010) en prinses Irene (1939). Hugo’s mem Brigitte Klynstra (1959) hie in fersyk ta erkenning fan harren soan yntsjinne by de rjochtbank. Syn heit, prins Carlos, wie der tige op tsjin. Itselde barde yn België yn 2021 mei Delphina, de bûtenechtlike dochter fan de âld-kening fan België Albert II. In protte hege eallju hiene destiids bûtenechtlike bern. Prins Hendrik, tr. m. Keningin Wilhelmina en prins Bernhard, tr. m. Keningin Juliana hiene ek bûtenechtlike bern. Mar in lyts part fan de Nederlânske adel datearret út de midsieuwen. De adel wie yn Fryslân yn it ferline oppermachtich. Elts doarp hie der hast mei te krijen en somtiden bûtere it ek net mei it doarp. In doarp mei in hear wie in lok, in hear mei in doarp faek in flok. Dit wie yn BERLTSUM net sa foar safier ik wit, ik bin it yn elts gefal net tsjinkommen. De measte jonkers wienen grytman en hearsken oer harren states en stinzen en behearden harren lânbesit. Hja wienen prominint fertsjintwurdige yn de Steaten fan Fryslân en yn de Deputearre Steaten. De 18de ieu wie feitlik de lêste ieu wêryn’t de eallju noch in protte te sizzen hiene. De nije grûnwet fan Thorbecke yn 1848 makke der definityf in ein oan, der wienen gjin befolkingsgroepen mear dy’t mear rjochten hiene as oaren. De adel ferlear harren spesiale rjochten, alle boargers wienen gelyk, op papier ten minste. De iene state nei de oare waard ûnderwilens ferkocht of ôfbrutsen. It wie net mear op te bringen. Men fynt de eallju no yn alle beroppen. Sa’t earder al sein, yn eardere tiden wie it in skande foar de eigen stân as men wurke, dat die men net. Sa wurket in Sicco Baron thoe Schwarzenberg en Hohenlansberg no as toskedokter en in Pico, Baron van Sytzema no as garaazjehâlder en in Jhr. Cornelis van Eysinga no as dûmny en rekreaasje-ûndernimmer en sa ek myn nije keamerbewenner wurkjende by finansjen, om mar in pear foarbylden te neamen. Tiden feroarje en wy mei harren. Fan adel wurde kin no net mear. De wet op de adel fan 1992 lit dat net mear ta. Allinne foar leden fan it keninklik hûs, lykas keningin Maxima, is dit noch mooglik. In foarâlder, in mr. Daniël Otto Engelen út dizze aadlike sibbe wie tusken 1828 en 1886 kantonrjochter yn BERLTSUM.
LAES BAERD
Frouk Fullenius, de weduwe van Willem Wilkes Homsbroodt verkoopt in 1659 een huis bij de Lieve Vrouwen- poort te Leeuwarden alwaer de drie lieuwen uithangen aan Laes Baerd te BERLIKUM . De earder yn dit e-book neamde Bernhardus Fullenius wie anneks mei de ferkeap fan dit wenhûs.
JANNA ALBERDINA BLOM
berne te Wâldsein op 31-5-1848 wie yn 1873 boaske mei Willem Tetmans Dijkstra, berne yn 1831. Hja hiene twa bern t. w. Tetman Willems en Hiske Willems Dijkstra. De tsjerkebank wurdt yn 1919 oan de tsjerke ferkocht.
TRYNTIE JANS
Den 19 juni 1708 is in den heere gerust den eerbare Tryntie Jans, huysvrouw van Jan Harmens, orgelmaeker en organist tot BELCOM, oudt in haar 60ste jaar en is hier begraven met ses van haare kinderen.
(Jan Harmens (Camp) is berne om 1636 hinne en is stoarn te BERLTSUM yn 1720.)
FRYSKE KOMPANJYS
Yn 1591 wiene der 30 Fryske kompanjys. Yn 1631 wiene dat der 28, t. w. in garde yn Ljouwert mei 200 man dy’t it Steedhâlderlik Hôf en it Lânskipshûs beskermje moast en 27 kompanjys mei 150 man wêrûnder ien op de Kompanjys Kamp of ek wol neamd de Luitenants Kamp te BERLTSUM.
HUGENOATEN
It edikt fan Nantes waard ynsteld yn Frankryk yn 1598 en ferliende oan de Hugenoaten gewissefrijens, boargerrjocht en it rjocht om godtsjinstoefeningen te hâlden. Yn 1685 waard dit opheven wêrnei de “grifformearde” (herfoarme) religy illegaal ferklearre waard. In tiid fan fûleindige ferfolging briek oan foar harren dy’t foar de reformaasje keazen. Binnen inkelde jierren flechtten in heal miljoen Hugenoaten nei û. m. Nederlân. Ek yn BERLTSUM wenje neikommelingen fan de Hugenoaten.
DS. ABRAHAM (Daniëls) EILSHEMIUS
Op de nammenlist fan de dûmnys, sûnt de Herfoarming oant no ta, yn de Herfoarme Gemeenten yn Fryslân fan ds. T. A. Romein, wurdt in Abraham Eilshemius neamd dy’t hjir yn BERLTSUM stien hawwe soe yn de tiid tusken de dûmnys Vincentius Jacobi Hempenius en Jonas Olaus. Dit klopt net. Ds. Eilshemius hat sûnt 1627 te Bitgum en Ingelum stien en is dêrnei yn 1645 feroppen nei BERLICUM en Middelrode yn N-Brabant.
GLÊSSKILDERS
Der binne yn de 16e en 17de ieu yn Fryslân talleaze glêsskilders of glêsskriuwers west. Hja wennen foaral yn Ljouwert en Snits, mar ek wol yn oare plakken as Frjentsjer, Boalsert, Dokkum, de Joure, Wolvegea, Kollum en BERLTSUM. Oer dizze keunstners is yn de argivalia in protte genealogysk materiaal foarhannen. Mar omdat fan harren gjin wurk bewarre bleaun is, is hjir net folle oer te skriuwen. Guon fan harren dy’t yn de 18de ieu noch libben wienen û. o. de bruorren Ype (*1717) en Jurjen (*1720) Staak en Thomas en Tjalling Gonggrijp, allegear út Snits.
SOCINIANEN
Fausto Sozzini (1539-1604), is ien fan de grûnlizzers fan it sosinianisme. It sosinianisme is in teologyske streaming dy’t harren namme ûntlient oan de Poalske learde fan itaaljaanske ôfkomst, Fausto Sozzini en syn omke Lelio Sozzini (1525-1562). De sosinianen trieken yn de 16de ieu troch Jeropa. Hja behearden ta in genoatskip fan teologyske ûndersikers yn Virenza, dy’t de lear fan de Trije-ienheid leagenden. Yn Sozzini’s haadwurk De Jezu Christo Servatore (printe yn Poalen, 1594) beteine hy dat Kristus net troch syn krúsdea mar troch syn seedlik foarbyld ta ferlosser wurden is. Syn lear wie tagelyk evenredich unitrinitaristysk. Lykas alle antitrinitaristyske streamings akseptearre it sosinianisme de lear fan de Hillige Trije-ienheid net. Dêrnneist wiisde it sosinianisme de lear fan de ynkarnaasje ôf. It sosinianisme waard yn 1598, dus ûnder de Tachtich jierrige Oarloch, yn de Nederlannen yntrodusearre . tanksij twa Poalen, t. w. Ostorodt en Woidovski. Hja besochten û. o. Amsterdam en Leien. De foarheit fan de Berltsumer Lautenbachs, Jacobus Lautenbach wie in oanhinger fan it sosinianisme lykas ek de doopsgesinde boer en foargonger hjir út it Berltsumer kleaster, Marten Jacobs, beide earder yn dit e-book neamd.
DE YBELTSJE HAVEN
Ybeltsje Klazes Schiphof (berne Hager) berne yn 1770 oan Klaas Douwes Hager en Janke Theunis Hager (berne Runia) wie troud mei Eeltje Douwes Schiphof. Eeltje wie berne op 7-5-1771 yn BERLTSUM. Ybeltsje is stoarn yn 1855, 84 jier âld. Nei harren is de no dimpte Ybeltsjehaven yn de Bûterhoeke neamd. Hjir wennet no de famylje Jouke Best en earder û. o. de famyljes Popke Jans Visser en Eeltje Dedde Jacobs Appelhof.
tafoege en de twadde Kristlike beukerskoalle oan Kristlike basis- skoale “De Fûgelsang”. De iepenbiere Basisskoalle hat de namme “Lyts Libben” fan de Kristlike beukerskoalle “Lyts Libben” oernommen. (Dit n.o.f de wet op it Kleuter- en Basisonderwijs fan 1970) Der moast in ‘ouderpar- tipicatie” kommisje (âlderkommisje) en wer letter in saneamde “medenzeggenschapraad” (MZR) komme. Skoallehaaden waarden tenei direkteuren en skoallemasters (ûnderwizer) learaaren neamd.
L.C. 20-12-1928
Het 40 jarig bestaan van de C.V.O. school “Eben Haëzer” te BERLIKUM.
Hedenavond herdacht alhier in een bijeenkomst in de Hervormde kerk schoolvereniging “Eben Haëzer” het 40 jarig bestaan der door haar gestichte school. Nadat de voorzitter van het schoolbestuur, de heer Nanne Sybes Osinga, op de gebruikelijke wijze de vergadering had geopend, deelde hij in het kort mede de redenen die er toegeleid hadden, de herdenking nu te houden en niet omstreeks de maand Mei, waarin de school was geopend. Ds. Van Eijck van Heslinga verkreeg daarop het woord voor het uitspreken van zijn rede, hetwelk hij deed n.a.v. Ps. 126 vs 3. De HEERE heeft grote dingen bij ons gedaan, dies zijn wij verblijd. Op zijn eigen wijze stond hij achtereenvolgens stil bij de Franse Revolutie, de daaruit voortgesproten, hoe de rede overhand boven gods- dienst kreeg en het onderwijs op de scholen daardoor hoe langer hoe meer van de Bijbel vervreemd werd. De kinderleeftijd is zoo vatbaar voor indrukken. Van groot belang is het daarom, dat ook het onderwijs het kind den Christus der Schriften leert kennen. School en huisgezin behooren eenzelfde atmossfeer te hebben. Klein is het zaad geweest, doch groot de oogst. Dies zijn wij verblijd, want de HEERE heeft groote dingen bij ons gedaan. Aan het historisch overzicht, dat de secretaris van het schoolbestuur, de heer Jacob Wytzes Tuininga, daarvan gaf ontleenen wij het volgende. De school is geopend op 22 mei 1888 met 70 leerlingen, nadat op 16 januari van te voren in beginsel besloten was tot het oprichten van een vereeniging tot stichting en instandhouding van een school met den Bijbel te BERLIKUM. Op 20 januari was de vereeniging definitief opgericht. In de statuten wordt o. a. bepaald, dat de predikant der Ned. Hervormde gemeente eere-voorzitter der vereeniging is, terwijl de bestuursleden lid van de Hervormde kerk moeten zijn. Voor de regeling van de financiën wordt het bestuur ter zijde gestaan door den commissie. Ongeveer 20 jaren van te voren (1868) was hier reeds een christelijke school gesticht, doch deze was volgens ds. Nijhuis, die de oprichtingsvergadering presenteerde, van haar grondslag afgeweken en onvoldoende voor de kinderen wier ouders de Kerk der Vaderen waren getrouw gebleven. Door de Doleantie was het bestuur van de bestaande school in meerderheid doleerend en afgescheiden, terwijl het onderwijzend personeel in zijn geheel die riching was toegedaan. Het verschil op kerkelijk erf was oorzaak van de onvrede op schoolgebied. Het eerste bestuur bestond uit de heeren Jan Theunis Stienstra, Jan Gerrits Hacquebart, Wytze Jacobs Tuininga, P. L. Braak, Pieter Quarré en Sybe Sybes Osinga. Geen dezer heeren is meer in leven, terwijl van de 1e financiële commissie alleen nog aanwezig is Marten Klazes Lautenbach. In een gedeelte der Bewaarschool die de jonge vereeniging van de kerkvoogden in huur had gekregen, werd het onderwijs ondergebracht. Op 16 maart 1888 was als hoofd benoemd de heer W. B. Kroeze van Haarlem, aan wien de zware taak werd opgedragen alleen de 70 kinderen – na 2 maanden waren het reeds 80 – te onder- wijzen. Het behoeft niet te verwonderen dat het nieuwe hoofd, die ook nog Zondagschool onderwijs moest geven, spoedig overwerkt was. Meester verzocht dientengevolge aan het bestuur een helponderwijzer aan te stellen. Hoewel het bestuur niet dadelijk van de noodzakelijkheid overtuigd was, was er nog een reden, namenlijk de financiële, die inwilliging van het verzoek beletten. Door het aanstellen van een kweekeling voor fl 1,- per week, werd de hoofdonderwijzer verlicht. De slechte financiële toestand bleef de 1e jaren een beletsel, om voldoend onderwijzend personeel aan te stellen. Want na enige jaren werden de eisen aan de onderwijslo- kaliteiten verscherpt en zoo moest in 1900 de Bewaarschool reeds verbouwd worden, wat een uitgaaf vorderde van fl. 700,-. Het hat heel wat voeten in de aarde om deze som binnen te krijgen, temeer daar de jaarlijkse rekening ook met de steeds grooter tekorten sloot. Dit was echter nog maar het begin van veel groter moei- lijkheden. Want als gevolg van de bij de Wet van 1905 gestelde eischen aan de scholen, werd de school in 1906 voor het onderwijs afgekeurd. Na veel wikken en wegen , vele langdurige beraadslagingen werd eindelijk besloten een nieuwe school met onderwijzerswoning (Hôfsleane nûmer 68) te bouwen. Inmiddels was aan de Achterweg (de Hôfsleane) beslag gelegd op een geschikt bouwterrein. Op 3 februari 1908 kon de aanbesteding plaats hebben. Laagste inschrijver was Jan Aukes van der Meij voor fl. 11.447,- aan wien het werk werd opge- dragen. De 1e juni van dat jaar kon de nieuwe school in gebruik worden genomen. Naast de reeds vermelde W. B. Kroeze zijn nog aan de school als hoofd werkzaam geweest J. C. Schreuder, S. Heinsma, J. Visser samen meer dan 30 jaren. Het aantal kinderen dat tegenwoordig de school bezocht, heeft ten hoogste 134 leerlingen bedragen, thans is het plm. 60. Het onderwijs kostte per kind in het begin plm. fl. 10,- per jaar, in 1900 fl. 15,60 en thans ruim 6x zoveel. De heer O. Hoekstra H.d.S. sprak vervolgens over C.V.O. en C,N,S. De aanleiding van de oprichting van de C.V.O. school is geweest, de Doleantie. Deze gebruikte de C.N.S. school ook voor haar kerk -diensten
DE 2e HERFOARME (C. V.O.) SKOALLE oan de Hôfsleane
mei de namme “Ebenhaëzer” (de namme ferwizende nei in protte plechtichheden yn it Âlde Testamint ) is stifte yn 1888 yn it eardere evangelisaasje lokaal “Predikt het Evangelie” en stie oan de Buorren efter hûsnûmer 51. De namme oerset as “Oan’t no ta hat de Heare ús holpen”, kin ek oerset wurde as “Stien fan help”. Hjiryn siet ek de doe saneamde “Bewaarskoalle”, letter ek wol Beukerskoalle (Kleuterskoalle) neamd. Yn 1908 waarden allgear nije easken oan de skoallen steld. Sa binne doe om deselde tiid hinne ek in nije iepenbiere skoalle en in nije C.N.S. skoalle boud, beide oan de Hôfsleane. Yn it evangelisaasje lokaal fûn in protte gearkomsten plak en der siet ek in naai- en breidskoalle yn. It troch de Jongefeintenferiening (C.J.M.V.) “Het Mosterdzaadje” oprjoch- te muzykkorps “De Bazuin” hâlde ek dêr harren repetysjes. De tredde Herfoarme skoalle stie oan de Mulseleane wêr’t no berne-opfang “Okidoki” yn sit. De 2e Herfoarmde skoalle oan de Hôfsleane hat noch fungearre as Bible- teek, as blommewinkel en wurd no nei de sûnt 1996, troch de dêrneist yn it eardere skoalhûs no. 68 wenjende echtpear Peter en Karin de Vries brûkt as loazjemint mei de namme “Panta Rhei” (alles streamd). De eardere C.N.S. skoalle út 1868 efter it hûs nûmer 96 stie oan de Buorren. It wie as timmerwurkplak fan Albert Bokma troch Haaije F. Hoogendijk oankoft en ferboud ta skoalle. Letter is it wer as timmerwurkplak brûkt troch de tim-merlju Tjeerd Ulbes Nieuwenhuis en Pieter Douwes van der Zee. Op it plak fan de 2e C.N.S. skoalle stiet no doarpshûs “It Stêdhûs” de eardere grifformearde tsjerke. It terrein fan de eardere 3e C.N.S. skoalle fungearret no as boarterstún neist Basisskoalle “De Foarútgong”. De earste en de twadde iepenbiere skoalle stiene oan de Hôfsleane op de hoeke fan de Skoallestrjitte. De 3e stie oan de Kwekerijleane. Hjir binne no in pear wenhûzen boud. Alle basisskoallen sitte no ferienige yn ien skoallegebou mei de namme “de Foarútgong” oan it Doarpsplein Sybren Lautenbach.
Yn 1972 binne de C.N.S. en de C.V.O. skoalle fusearre mei as namme “de Fûgelsang” en de iepenbiere skoalle krige de namme “Lyts Libben” oer en no meiinoar sitte se yn ien gebou mei skoalnamme “de Foarútgong”.
SCHOOLLEIDING BERLIKUM COMMUNNICEERT TE WEINIG
BERLIKUM – Het bestuur en de directie van KBS “De Fûgelsang” in BERLIKUM communiceert onvoldoende met ouders. Dit oordeelt de Landelijke Klachten Commissie (LKC) naar aanleiding van een klacht van een ouder. Volgens het LKC is klaagster Hieke Osinga-Greidanus niet serieus genomen door de leiding van de basisschool en heeft zij geen antwoord gekregen op de door haar gegeven signalen. “Ik waard fan it sket nei de muorre stjoerd” vertelt Osinga-Greidanus. De skoalle stie bekend as “swak”. (Dit hat ek mei de iepenbiere skoalle it gefal west.)
IT SOCINIANISME
wie in religieuze streaming neamd nei Fausto en Lelio Sozzinie (Socinus). De bakermat lei yn Poalen-Litou- wen. It wie in anti tsjerklike, anti klerikale en anti trinitaryke beweging. It fûn ek syn wei yn Fryslân en yn BERLTSUM. De Fryske Grifformearde Synoade easke yn 1680 hurde maatregels fan de oerheid tsjin it fersprieden fan Sociniaanske boeken en skriften. Foaral ûnder de Doopsgesinden krige it grutte oanhing. Sa waard de Berltsumer Doopsgesinde lekepreker en boer út it Kleaster-Anjum, Marten Jacobs, hjir feroardiele as ketter. Hy bestride hjir de Trije-ienheid fan God. (sjoch: De Criminele Sententies Hof van Friesland en it boekje De Ketter fan it Kleaster Anjum, earder yn dit e-book neamd.) Jacobus Lautenbach, de stamheit fan in protte Berltsumers is ek in tyd troch it Socinianisme beynfloede west en is destiids nei it Amelân flechte. Hy is yn Ljouwert hjirtroch syn baan kwyt rekke. Letter dûkt hy wer op yn de stêd Grins en is dêrnei wer yn Fryslân kommen te wenjen. Syn grêfstien leit yn de grutte Jacobiner tsjerke yn Ljouwert lofts by de glêzen haad-yngong.
NEIWURD
Oan it ein fan de Berltsumer skiednis wol ik noch graach sizze, dat it skriuwen fan dit e-book, alderearst lêsber wurde moast foar Jan en alleman, dy’t niget hat oan de skiednis fan ús doarp. Mei opset sin ha ik de stikjes koart hâlden. Dat foel altyd net ta, moat ik sizze. It is ek altyd net simpel omdat wy spitigernoch godstsjinstich sawol as kultureel en maatskiplik it measte net witte. It is lykwols wol wichtich om de hjoeddeistige tastannen begripe te kinnen. Der is in protte feroare yn de rin fan de tiid, dat ha ik sels ek ûnderfûn. Foaral nei de Twadde Wrâld- oarloch is der in protte feroare. It wolwêzen is grutter wurden, de wrâld lytser en de technyk en de medyske wittenskip hat him tige útwreide. Wy libje no yn de filawyk fan de wrâld, lit ús dat meiinoar goed bewust wêze.
BOEKEN oer BERLTSUM
binne û. o. : WESTERGO en het BERLIKUM van weleer. Yn dit fraaie boek kinne jo lêze, mar foaral ek sjen, hoe’t de eardere tiid wie. Net allinne BERLTSUM, mar ek alle plakken yn de omjouwing komme oan bod. Hûnderten âlde foto’s fiere jo hast ûngemurken mei op reis troch it ferline. A.J. van der Aa jout ek in protte ynformaasje oer hoe’t BERLTSUM en omkriten froeger wienen. Koartom in skitterend boek, dat jo beslist net misse meie. Sjoch ek it boek: BERLIKUM beeld van een dorp, it boek: 2000 jaar leven in een Friese Grietenij en it boek : Van de Mond der oude Middelzee, it lêstneamde boek skreaun troch K. J. van den Akker. In strjitte is hjir yn BERLTSUM nei him neamd. Fierder noch, om in pear boeken te neamen û.o. it boek 125 jaar Chr. Onderwijs in BERLIKUM skreaun troch F. Visser en it boek De Fermanje fan BERLTSUM, skreaun troch Arend Douma.
Noch dit:
oer de tsjerkeboeken
fan de Herfoarme tsjerke
1772.
De tsjerkeboeken fan foar 1772 binne spitigernôch fuortrekke en net werom fûn. In protte nijs fan foar 1772 oer BERLTSUM moatte wy út oare boarnen bûten BERLTSUM weihelje. It ferline oer BERLTSUM hâld yn dit e-book dan no ek op.
WIE DE OGEN SLUIT VOOR HET VERLEDEN IS BLIND VOOR DE TOEKOMST
IK LIBJE HJOED, en MOARN YN TSJUSTERENS
BERLTSUM PLAATSENGIDS. NL
Er is een beschrijving van alle 400 steden en dorpen en de ongeveer 400 buurtschappen van Fryslân op internet te vinden. Via de website PLAATSENGIDS.NL/PROVINCIE/FRYSLÂN kan op naam gezocht worden. Dat is te danken aan het werk van de heemkundige Frank van den Hoven. Hij deed er 25 jaar over om alle 6500 plekken van Nederland in kaart te brengen. Sjoch by GESCHIEDENIS.
TROTSEARLEADSJES
Trotsearleadsjes binne stikjes lead fan 7 by 5.5 cm dy’t brûkt wurde by leaden beklaaiing fan dakken en dakkapellen om spikers wêrmei it leadwurk befêstige is ôftedekken. Om sa it ynwetterjen tsjin te gean. It binne dûbelfoude platte stikjes lead yn skildfoarm dy’t spikers troch in leadslab of troch de dakbedekking beskermje moatte tsjin roast. Se binne ek brûkt as in soarte fan besitekaertsje fan de leadjitters en fan syn namme of inisjenalen foarsjoen en fakentiden mei syn ark as ôfbylding. It âldstbekende trotsearleadsje datearret út it ein fan de 16de ieu. Se wurde ek wol as hobby samle troch samlers. Sa binne se der ek mei de namme fan Hoite Goderts Born út Ljouwert en fûn op de Gele Pleats oan de Súderdyk 30 (no Hemmemawei), de tsjerken fan BERLTSUM, Hantum,Marsum en Garyp en op de toer fan Kollum (1828 Steijn blz 12 VP) en mei de namme fan in Jan Thomas Born (famylje ?) op de toer yn Burgum (1850 Steijn 12 VP)
CATALOGUE OF THE GEORGIAN PAPERS HELD IN THE ARCHIVES AND THE ROYAL LIBRARY AT WINDSOR CASTLE.
Writer : Frederick, Duke of York
Addressee : Generaal Jacob de Budé
Language : French
7 september 1794
Letter from Frederick, Duke of York, to general de Buddé from BERLIKUM (is BERLICUM (N. Br.) tink ik), regarding the Secretary at War (Windham)’s mission to tell him of the gouverments wish to appoint Lord Cornwallis Supreme Commander of the allied forces in Flanders in which case the Duke would have retired from the army, but hy reports that Windham has since been persuaded that the Australians would never ague to serve under Cornwallis.
DE JIRPEL
Jkhr. Vegelin fan de Jouwer hat yn 1736 of 1737 de jirpel nei Fryslân brocht en op Herema State poate. Hy stjoerde guon jirpels nei grytman van Haren yn Sint Anne wêr’t botanicus David Meese wurke.. Dizze teelde it nije gewas op it bûten fan van Haren en dielde fan de frucht mei oan Herman Knoop, hortulanus fan prinses Maria Louise. Knoop befoardere it plantsjen en besoarge op 13-12-1742 foar it earst de jirpels op tafel fan de foarstin, doe’t prins Willem IV. mei syn frou dêr spizige. It duorre noch romme tiid eart de frucht algemien waard. Tusken Tsjummearum en Furdgum waard it earste stik lân dêrmei bepoate. Yn 1771 gie it earste mei jirpels befrachte skip (skipper Johan Pieters fan Frjentsjer) nei Amsterdam. Yn 1773 waard te Amsterdam de earste keur útfeardige oer de jirpelmerke. De jirpelteelt fûn dêrnei yn BERLTSUM en omkriten in grutte opgong en in protte Berltsumers fûnen harren bestean dêryn sawol as túnker as jirpelhanneler. Hjir kamen grutte jirpelloadsen te stean en in jirpelfeiling.
HAARLEMS DAGBLAD 25-2-1956
Schippersknecht gestikt tijdens brand op sleepboot.
Er is brand uitgebroken aan boord van de sleepboot “Maris” uit Rotterdam, die voor herstel in een dok te Rupelmonde ligt. De schippersknecht Sjoerd (Tjeerds) Peterzon (afkomstig uit BERLIKUM) vluchte in een scheepshut waarvan het springslot achter hem niet meer open te krijgen was. Vergeefs beukten zijn makkers op de deur. De jongen (17 jaar) kroop toen in een kast. Toen men er enkele minuten later in slaagde een plaat uit de scheepswand weg te nemen en zo de hut binnen te dringen, was de jongen reeds door de rook gestikt.
L. C. 9-2-1952
Vijfjarig jongetje gedood bij ongeval in BERLIKUM
Gistermiddag omstreeks halfvier had te BERLIKUM een droevig ongeval plaats, waarbij de vijfjarige Tjerk Tuinenga het leven verloor. Een aantal kinderen (wêrûnder ik sels) speelden op een muurtje bij de hulpbrug bij de veiling. Tijdens het spel viel het vijfjarig zoontje van G.(erlof) (Wytzes) Tuinenga er af, het kwam op de weg terecht juist op het moment dat een vrachtauto passeerde. Het jongetje geraakte onder een der achterwielen en was op slag dood. De deelneming in het dorp is algemeen.
DÛMNYS
mei harren partners wenje yn in glêzen hûs. Dat is yn BERLTSUM ek sa. Hjir is ek hiel wol in protte spul west mei en om dûmnys. Sjoch dit e-boek der mar ris op nei. Der wiene in protte konflikten en striideraasjes. Sa hat de dochter fan de bline musikus, musykdosint en oargelist út Warkum, Marie-Anne de Harder, hjir in boekje oer skreaun. Yn BERLTSUM rint by in begraffenis, sawol by in man as in frou de boade foarop oan de staasje. Yn Starum rûn by de staasje de dûmnys frou foarop as in frou stoarn wie. Hja moast passende klean drage. De measte dûmnys froulju op it plattelân hiene amper jild om harren fatsoenlik te klaaien. Yn Starum waard dit oeukumenysk oplost. De grifformearde, de doopsgesinde, baptiste en herfoarmde echtgenoaten fan de dûmnys lienden de klean fan inoar. Sa giene se foar yn in grifformeard truike, in baptiste rok, in herfoarmde reinjas en in minnist huotsje en hoasen. Út de twillingdoarpen Hommerts-Jutryp komt ek in moai ferhaal. It spilet flak nei 1580, it jier dat it roomske leauwen net mear tastien waard, mar allinne it kalvinisme. In dûmny te finen wie net sa maklik, ek omdat der fakentiden gjin jild foar wie. Yn Hommerts-Jutryp woe men gjin dûmny beroppe omdat it jild better bestege wurde koe, sa fûn men, oan de doarpsfeesten dy’t men wend wie mei de pastoar te fieren. Doe’t der yn 1584 dochs ien kaam, waard hy yn 1584 ôfset omdat “hy soo leelijck ende grof was. Dat sie niet behoort voor Christelycke ooren verhaalt te worden”. It argumint (* om fan dit jild doarpsfeesten fiere te kinnen wie ek op in protte oare doarpen te hearren. Sa waard yn BERLTSUM dûmny Stuyvesant troch Heerma, de grytman fan Menameradiel dy’t yn BERLTSUM oan de Bitgumerdyk op Heerma-State wenne, nei Delfsyl stjoerd omdat dizze troch Stuyvesant yn in middeidooptsjinst te plak set waard fanwege syn gedrach. De Harder skriuwt oer dronken dûmnys lykas destiids de Berltsumer dûmny Olaus mar ek oer dûmnys dy’t muoite hiene mei preekjen as dûmny J. G. Kruisinga dy’t fan 1828 oant 1872 yn Makkum stie en presys genôch preken hie foar in jier. Hy begûn altiten wer opnij mei dizze searje. Of dûmnys dy’t te koart preekten en dat oplosten troch te sizzen : “Ik geloof niet dat jullie het begrijpen, ik zal het nog eens uitleggen”. Ek de eardere dûmny fan Easterein, Marten de Boer, hat in boekje mei humoristyske ferhalen skreaun út syn dûmnyspraktyk titele : “Dûmny, jo hawwe my wolris mear ferfeeld as fan `e moarn”. Jan Joostema (JOOST) , dy’t ein de jierren njoggentich diaken wie yn ‘e Herfoarme gemeente fan BERLTSUM mei Riet, de frou fan Matthé van Hout, mei Tine, de frou fan Eeltje Post en Matty, de frou fan Anne Berga skreau yn it tsjerkeblêd dat der ris by it nachtmiel yn stee fan wyn per ûngelok ek wol ris Port ynskonken is. Matty ûnderstreepte dat mei de wurden : “Se hawwe der lekker fan dronken en neat murken. Riet beskrobbe my ris mei in oerlitten blik, as ik it nachtmielslekken wer ris folslein ferkeard yntearde. Yn de Pub fan it Herfoarmd Sintrum waard de neisit hâlden fan de tsjerkeriedsgearkomsten en waard Tine steefêst oansprutsen mei Tine “Port” ynstee Post fanwege harren foarkar foar dit drankje. Sa waard ek ris op in gemeentejûn , wêr’t dûmny Bouwknegt fol fjoer it nije lieteboek mei mear as 1000 lieten oanprizige, troch Yge Klazes Smits de ûntnochterjende opmerking makke : “De helte kin der wol út”. De Herfoarme diakonije waard ris útnoege om in opname te meitsjen foar in tillevyzje útsjoering oer it Brouwersfûns. Der wie doe noch mar ien t.v. stjoerder. Yn it Herfoarmd Sintrum wie men de hiele middei dwaande mei de opname. Diaken Tynie de Jong-Boterhoek hie harren bêste klean oandien en wie nei de kapper en de skjintmesalon west. Doe’t de t.v. útstjoering plak fûn, al wa’t yn byld kaam, gjin Tynie. De trije kollega diakens fernúveren harren thús, Tynie kennende. Op de earstfolgjende diakonije gearkomst stie al fêst dat hja it gjin goede útstjoering fine soe. Om harren wol te ferwachtsjen reaksje te fernimmen sei ien fan harren trije kollegas : “Wy foenen it mar in moaie útstjoering, Tynie”. Hja reagearde mei de wurden : “Ik fûn it mar in útstjoering fan neat”. In protte hilariteit natuerlik. Noch ien ferhaaltsje : Frou de Aukje Vries-Goudberg wie nei de moarnstsjinst by harren dûmny op besite. (it wie by ds. Piet van Dijk of by ds. Gerrit van Reeuwijk dat wit ik sa net mear. Hja siet der tige noflik en wie drok oan it wurd, Doe it hast tiid wie foar it middeisiten woene dûmny en de frou harren wol graach nei hûs hawwe. Hoe moast dit op in fatsoenlike manier oplost wurde ? Dûmny moast dy middeis nochris de preekstoel op. Dûmyniske krige in helder idee en kaam mei in iisstaaf tefoarskyn. “Dizze krije jo mei nei hûs” wie harren sizzen. It holp net, want frou de Vries bleau mar sitten. Domyniske dêrnei : “Ik wol net ferfelend wêze, frou de Vries, jo iisstaaf begjint te rânen”. Frou de Vries wist hoe gau thús te kommen yn de Bûterhoeke.
(* De minsken wiene dêroan wend dat foar de Refomaasje, dat de pastoars op de dei wêrop’t hja de pachten en de hieren fan de pastorijelannen ynbarden, foar de ynwenners fan de parochy in drink en itgelegenheid organisearren. De doarpsbewenners woene dy tradysje it leafst behâlde fansels.
(FAMYLJE)WAPENS
De regeering van Menaldumadeel besluit de wapens, in de kerken van het district hangende, voor 1 september te laten wegnemen. (By myn witten hawwe der ea gjin wapens yn de koepeltsjerke hongen.)
1-8-1795.
DE FRYSKE FRIJHEID
In 120 lytse en grutte kleasters en mar leafst 700 kastielen, allinne al yn it hjoeddeistige Fryslân, wêrfan de hearen geregeld mei inoar yn de klins leine en de froulju pronken mei de moaiste juwielen. De maatskippij yn it eardere grutte Fryslân (it kustgebiet tusken Wezer (Hamburg) en It Swin (Brugge) wie wezentlik oars as yn de rest fan Jeropa. Der wie gjin sintrale hearsker en dy omstannichheid hie ynfloed op hast alle aspekten fan it libben, fan de rjochtspraak, ta in ynrjochtsjen fan it lânskip en sels de moade. In frije Fries wie te werkennen oan syn opskearne kapsel. Sa stiene der om BERLTSUM hinne ek ferskate stinzen en in kleaster dy’t der no net mear binne. Allinne de nammen de Kleasterdyk, it Hemmemaplein en de Hege Wier(stins) oan de Sânwei dogge ús noch oan dit ferline tinken. Gjin gesach fan boppe betsjutte dat nimmen foarskriuwe mocht hoe it hearde te gean en hoe it moast. Gjin sintraal gesach betsjutte ek dat eltse frije Fries (in man mei in eigen lape grûn ) yn prinsipe in kastiel bouwe mocht. Oeral oars yn Jeropa koe dat net sa mar, want as hearsker woene je gjin konkurinsje. It gefolch wie dat Fryslân fol stie mei kastielen. En kleasters, want de frije Fries wie djip leauwich en geregeld waarden der kleasters stifte om it sieleheil fan de rike, frije Fries te garandearjen.
Neffens de leginde kochten of krigen de Friezen dizze frijheid fan Karel de Grutte foar harren bydrage by de ynname fan Rome. Oft dat kloppet is net hielendal fêst te stellen, mar de Fryske frijheid waard yn 1417 bekrêftige troch kening Sigismund fan Luksumboarch en is no noch te bewûnderjen.
Gjin sintrale hearsker foar de Friezen dus, mar wol in soarte folksfertsjintwurdiging. Eltse frije Fries kaam trijeris per jier nei de Upstalbeam (Aurich) om meiinoar wetten en rigels fêst te stellen en rjocht te sprekken.
Hoewol der gjin sintraal gesach wie, wiene der wol maatskiplike ferskillen. Je hiene rike en earme eallju, boeren mei in protte en mei in bytsje lân. Wa’t status toane woe, koe dit dwaan troch it bouwen fan in kastiel, troch grutte feestmielen te jaan of troch juwielen te dragen. Juwielen wiene ek foar in aaike yn it strie.
Welke minsken bouden, yn de perioade 1200 – 1700 AD, dizze “staten”of ek wol “stinzen”? Dit wiene persoanen dy’t om welke reden, mear grûn hiene as oaren. Yn Fryslân neamde men dizze persoanen “haadlingen”. It wie gjin aadlike titel, mar betsjutte eat as “wichtich persoan”. Yn de rin fan de skiednis gedroegen se harren lykwols mei klam asoft hja wol aadlik wiene. Haadlingen wiene yn Fryslân begoedige persoanen en sibben mei lân en ynfloed en macht op bestjoerlik en juridysk mêd en hiene dêrtroch stimrjocht. Stinzen of letter Staten tsjinnen yn de begjinperioade, sa om 1200 hinne, om beskermd te wurden tsjin oanfallen fan oaren. Want it wiene rûzerige tiden mei in protte ûnderlinge skelen. Jo moasten jinsels rêde want der wie gjin oerheid om je te beskermjen. De stinzen wiene dan ek omgrêfte en bestiene út ferdjippingen om útsjoch te bieden oan de omjouwing want jo moasten ommers de fijân oankommen sjen.
DE PREAM / DE SNIKKE
Neist de strjitte mei de namme De Snikke is der ek in strjitte mei de namme De Pream. De pream is in platboaium fartúch foar binnenwetters bestimd foar it ferfier fan lânbouprodukten op koarte ôfstân.. It wurd preame betsjut drukke (d. w. s. mei in farbeam fuortbewege) en is ôfkomstich út it Latynske premere.
De snikke is in sylskip, is lytser dan en skûtsje. De Fryske snikke waard brûkt foar it ferfier op gruttere ôfstân fan lânbouprodukten. Yn de Fryske bouhoeke foaral foar it ferfier fan jirpels. It skip is yn BERLTSUM û. o. yn gebrûk west, om mar in namme te neamen, by Sake Dusselaar. Hy en syn bruorren wiene skippers en skipstimmerlju.
HEMMEMA / BAARD (BAARDT, BAERDA, BAARDA.)
Douwe Sybrens Baerdt wie troud yn 1543 mei Tieth (Tietje) van Hemmema en hja wennen te Easterein. Harren dochter Syts troude mei Ritscke van Juckema. Dizze Syts wurdt neamd ûnder sawol de namme Baerda as ûnder de namme Aesgema. Nei alle gedachten hie de sibbe Baerda (Baerdt) ek besit yn Aesgema (yn de Puollen) te Dronryp. De namme Bearda is wierskynlik werom te fieren op it besit Baerdt by Easterein. Yn 1511 is Folpert Tiettesz. hierder fan in pleats te Easterein. Syn soan Tiete Folperts Baerdt troude mei Duedt Suyrdtdr. Aesgema, stoarn yn 1551. Tiete wie besitter fan lân te Arum yn 1542 en is stoarn foar 1547. Yn 1542 is sprake fan Baerderbuorren te Arum. Sjoch ek de oerienkomstige wapens Baerda en Aesgema. Hawwe de eardere Berltsumer gemeente-siktarissen Tiete Folperts en Folpert Tietes Baerdt fan Menameradiel harren funksje te tankjen oan de Hemmema sibbe ?
“MAAK DAT EEN BILKER WIJS”
De útdrukking : “Meitsje dat in Biltker wiis”. De bewenners fan it Bilt, meast Hollanners fan oarsprong, geane foar tige slim troch. In part fan BERLTSUM op de noardkant fan de Bitgumerdyk leit op it Bilt. Soene dizze dêr wenjende Berltsumers ek slimmer west hawwe as dejingen dy’t destiids yn it BERLTSUM fan de gemeente Menameradiel wennen ?
IT ROOMSKE-FRYSKE RJOCHT (LEX FRISIONUM)
Neist it Fryske gewoanterjocht wie der ek it Romeinske rjocht. Mooglik dat de Hege Rie foar in bern dat berne waard nei it ferstjerren fan de heit, “in neiberne”, by gebrek oan in Fryske term hjirfoar de tafoeging Postumus of Posthumus , sa as dat by de eallju gewoante wie, foarskreaun hat. Dit garandearre dat it bern syn oanspraak op de erfenis fan syn heit bliuwend meitsje kin en de oare rjochten behâlde. (Sjoch : Patria Potestas op de side Rome de stêdsteat). Dêrnei is yn Fryslân troch de ynfloed fan it Hôf fan Fryslân en de fâldij neffens it Romeinske rjocht it tafoegjen fan Postumus of Posthumus by de berte fan in bern nei it ferstjerren fan de heit yn swang kommen. Ek de gewoante fan Friezen gjin famyljenamme te brûken hat hjirby in rol spile. It âldste neamen fan in Posthumus by it Ryksargyf : 47 DTBL Regio 7 Z.O. Friesland is te finen yn it trouregister Hervormde gemeente Heerenveen 1637 DTB no. 596, 1614-1638. (in wees wurdt ek wol in momboir neamd)
IT IEPENJEN FAN DE GEARKOMSTEN
Eartiids waarden de gearkomsten fan de gemeenterieden mei gebed iepene. Nei it lêzen fan de jierlikse troanrede spriek de keninginne de bede út. Dit is letter feroare yn in winsk op seine. Yn 1880 waard troch de grifformearde foarman Abraham Kuyper de VU oprjochte. Yn 2016 paste de universiteit harren grûnslach oan troch út de statuten te skrabjen dat hja harren lieden litte wol troch it Evangeelje fan Jezus Kristus. Fanôf 1-1-2023 skrabbet de VU Amsterdam it votum by akademyske plechtigheden. De iepening- en slútings wurde by dizze gearkomsten oanpast nei in tekst mei in ynklusyf karakter. “Onze hulp is in de naam van de Heer, de Maker van Hemel en Aarde”. Dizze belidenis klinkt oant no ta altiten foarôfgeand oan promoosjes, oraasjes en diesfieringen oan de fan oarsprong kristlike VU yn Amsterdam. Oan it ein sprekt de foarsitter út “Laat de Naam van de Heer geprezen worden, nu en in de eeuwigheid”. Dêrmei ferdwynt nei rom 140 jier de kristlike belidenis by akademyske plechtigheden op de VU. Dit omdat guon ateïstyske heechlearaars oan de VU dit ferplicht útsprekken tsjin it boarst stuitte. Sa is ek de eardere Roomske universiteit yn Nijmegen gjin Roomske universiteit mear en net mear oan de Roomske tsjerke bûn.
Doe’t ik foarsitter waard fan de feriening “Oranje Nationaal Berltsum-Wier” waard hjir ek de gearkomsten mei gebed iepene troch de foarsitter. It kaam hjirop del dat de foarsitter altiten út deselde groep komme moast. De net tsjerkliken koene wol siktaris wurde of ponghâlder mar gjin foarsitter. Dit waard troch de feriening net mear as gelykweardich achte. Fandêr dat it gebed hjir no ek net mear op de gearkomsten fan Oranje Nasjonaal plak fynt,
IGNATIUS VAN KINGMA
earder yn dit e-book neamd, makke yn de 17de ieu karrière yn it leger en stie op goede foet mei de steedhâlder. Syn priveelibben wie turbulint, blykt út it boek “Ruiter voor de Republiek” fan in fier sibbelid Joost Kingma. Yn Boer en Sweins is noch it ien en oare te finen oer Ynte of Inte Saeckles van Kingma (1621-1700) , better bekend as Ignatius van Kingma. Hy wie de eigner en lêste bewenner fan Kingma State yn Sweins. Hy liede in aadlik libben, mar de Kingma’s behearden net ta de Fryske eallju. Hja sieten as eigenierde (net aadlike grutgrûnbe- sitters) wol heech yn de Fryske hiërarchy en wisten yn bestjoer en leger en oan it hôf fan de Fryske steedhâl- ders harren liet mei te sjongen. Hy beklaaide offisiersrangen , úteinliks waard hy kolonel. Hy stie oan it haad fan in Frysk resjemint en naam diel oan de oarlochshanlingen yn 1672 tsjin it Frânske leger fan Loadewyk XIV. Igatius stie mei syn kavalerieresjemint oan de wâl fan de Ryn by Arnhem mar waard weromroppen nei Fryslân om, tegearre mei Johan Maurits fan Nassau-Siegen, it Noarden te ferdigenjen. Ignatius komt ek foar yn de deiboeken fan steedhâlder Willem Frederik. Oanhâldend wist hy mear lân te krijen. Ta Grytman hat hy it nea bringe kinnen. Dat moast hy oerlitte oan de folle machtiger sibbe Van Goslinga. Ignatius hat net direkte neikommelingen. De state gie oer nei de sibbe fan syn suster en úteinliks nei de sibbe Van Beyma thoe Kingma (dy’t noch libbet). Neffens it testamint fan Ignatius moast de eigner fan de state altiten thoe Kingma oan syn namme tafoegje. De Van Beyma’s waarden wol grytman fan Frjentsjerteradiel. Der is noch in akwarel bewarre bleaun fan Kingma State yn Sweins yn it midden fan de 19de ieu.
SKIEDNIS
Der giet gjin dei foarby sûnder dat skiednis besprutsen wurd yn de maatskippij. Bygelyks it wol as net de ekskús foar it slavernijferline, it wol as net brûken fan it Gouden Reau, fragen oer de frijens fan mieningsúting, beskerming fan leauwensminderheden, frijheid fan ûnderwiis ensafuorthinne. Histoarysk besef draacht by oan it foarmjen fan in identiteit, en it pleatsen fan in barren yn in kontekst. Skiednis heart in fêst ûnderdiel te wêzen fan de ûntwikkeling fan skoalbern. It is de taak fan de oerheid hjir soarch foar te dragen.
MEMORY OF THE WORLD
Ein 2022 waard de Richthofenkolleksje fan Tresoar erkend as Memory of the world. Wy kinne dêrtroch in goed begryp krije fan it ferline fan Fryslân en fan de lange skiednis fan ús omjouwing mei dat oare Unesco erfguod : de Waadsee. It binne 10 hânskriften mei âlde wetten en rigels. Alle teksten binne skreaun yn de perioade fan de 13de oant en mei de 16de ieu. Se binne makke troch muontsen en amtners, oerskreaun en gearstald út folle âldere boarnen, dy’t werom te fieren binne oant de 9de ieu. Om meiinoar libje te kinnen, en mei it Waadgebiet sleaten de ynwenners ferbûnen. Hja neamden harren gebieten de (Fryske) “Seelannen omdat de see de miene dieler wie. As ien fan dy gebieten oanfallen waard, wie dat in oanfal op alle seelannen. It is in prinsipe dat wy hjoed de dei noch altiten kenne yn bygelyks kêst 5 fan de NAVO. Mar wy fine yn de kolleksje ek dat ynwenners frijsteld wêze koene fan bepaalde ferplichtingen. Sa wie in Fries op in bepaald momint yn de skiednis ferplicht in part fan syn tiid op ‘hearfeart’ te gean, as tsjinst oan syn hear. Mar hy hoegde net fierder dan de Weser oan de eastside, of it Fly oan de westside, sadat hy altiten it lân beskermje koe tsjin de see en de Wytsingen (Vikingen). Der binne ek rigels oer bedikingen en oer de feart, of hoe’t de seelannen gearwurkje. De opkomst en ûndergong fan de Fryske frijens hingje hjirmei gear. En wy leare ek oer de Fryske taal, hoe’t dy opkaam en op somlike plakken ferdwûn is. Hjir sit in moaie les foar ús yn. Tsjintwurdich leit de kolleksje yn it bêst befeilige part fan de depots fan Tresoar. Troch de Unesco-status kinne wy der noch hiel lang goed op passen bliuwe. Dat jild natuerlik net allinne foar de histoaryske boarnen, mar moat ek jilde foar ús see, dy’t sûnt 2009 Unesco Wrâlderfguod is : de Waadsee. BERLTSUM bestie yn de 9de ieu al as steed oan de Waadsee en de ynwenners sille hjir dan ek mei dy âlde wetten en rigels te krijen hân hawwe.
DE SNIEWINTER FAN 1979
De winter fan 1979 stiet bekend as in tige strange winter, mei as “hichtepunt” de swiere sniestoarm út it noarden wei. Dizze winter waard kenmerke troch grutte ekstreme temperatuerferskillen. Yn twa dagen keldere de temperatuer fan plus 10 graden nei min 15 graden ta sels min 25 graden. Yn frijwol it hiele lân waard hjirtroch it ferkear, mar ek it iepenbiere libben lam lein. Ek BERLTSUM rekke isolearre. Troch de wyn waard de fuortwaaiende snie fan de lâningsbaan foar it doarp Marsum metersheech opienhope. Ljouwert wie net mear te berikken. It leger waard ynsetten om de snie fuort te krijen mar dat slagge net altiten. Ik koe in pear dagen net op myn wurkplak yn Ljouwert komme en wie sa mei eare frij. It wie tige gesellich yn BERLTSUM. Der wiene in protte minsken bûten en fermakken harren tige yn de snie en mei gesellige petearen oer dizze net alderdaagske “happening”. It wie ien grut “doarpsfeest”. Radio Omrop Fryslân stie de hiele dei oan om de minsken te ynformearjen. It waard eat om nea wer te ferjitten, sa moai en gesellich wie it. Der hearske in sfear fan mienskipsin, der foar innoar te wêzen.
NOCH EAT OER IT MOLKEOPSKUOR (MELKOPSTAND, MELKSTAKING)
De staking in Frieslân begint op 30 april 1943, als reactie op de bekendmaking dat Nederlandse militairen die in mei 1940 waren vrijgelaten (w.û. myn heit Hendrik W. Posthumus dy’t op de Grebbeberch fochten hie) opnieuw door de Duitsers gevangen zullen worden genomen als ze zich niet voor de “Arbeidseinsatz” aanmelden. Het gaat in totaal om een groep van bijna 260.000 mannen. Deze aankondiging van Friedrich Christiansen, de bevelhebber van de Duitse troepen in Nederland, is voor veel mensen een laatste druppel. Ze gaan staken. Nooit eerder doen zoveel mensen mee aan een staking. De boeren lieten als teken van verzet de melk in de sloot lopen. In de rest van het land is de actie beter bekend als de April / Mei-staking. De Duitse bezetter is niet blij met de staking en grijpt met harde hand in : het standrecht wordt ingevoerd en een ieder die nog doorgaat met de staking wordt doodgeschoten. Hierdoor komt er al snel een einde aan de staking. De houding van de mensen tegenover de Duitsers zal na de staking nooit meer hetzelfde zijn. Op 3 mei is het al weer afgelopen. De Berltsumers Wieger Baukes Rekker en Willem J. Scholten overleefden dit en werden oppakt en stierven later in een concentratiekamp.
‘t NIEUWS VOOR KAMPEN 7-4-1951
In de n.w. hoek van Friesland liggen duizenden kilo’s uien in sloten en vaarten te rotten. De opbrengst van de uien is te gering, ongeveer 3 à 4 cent per kilo, waardoor zelfs de sorteerkosten niet betaald kunnen worden. Op sommige plaatsen, bijvoorbeeld in BERLIKUM werden de uien in karren vol de sloten ingereden. In het vorig seizoen zijn voor uien prijzen gemaakt van omstreeks fl. 0,50 per kg.
BERLTSUM OP HET BILDT
Een gedeelte van BERLTSUM ligt op het Bildt. De opslibbing en inpoldering van de Middelzee zijn al vroeg begonnen. Reeds in de 10e eeuw sloten sommige dorpen w.o. BERLTSUM zich nauwer aaneen ten einde een zeewering (doe de Hege of Grienedyk neamd) op te werpen en zo de erfvijand – het zoute water van de zee _- verder doordringen te beletten. Medewerking werd verleend door de kloosters Mariëngaard onder Hallum, het Lidlumer klooster onder Tzummarum en het Berltsumer klooster Anjum respectievelijk gesticht in 1163, 1182 en 1256. De Saksische hertog Albrecht, die in 1498 door enige Friese afgevaardigden te Medemblik tot erfelijk beschermheer en keizerlijk stadhouder van Westergo was verkozen, bevorderde de inpoldering van de Middelzee. De naam “het Bildt” wordt het eerst genoemd in de giftbrief van hertog Albrecht aan Willem van Beieren, afgegeven op II augustus 1308 waarbij Arend van Egmond en Yeselstein wegens diensten, gedaan bij de verovering van Friesland in 1308, werd beloond met de eigendom van het eiland Ameland. De weinig gunstig bekend staande Hessel van Martena uit Franeker heeft een rol gespeeld in de ontginningsgeschiedenis van het Bildt. Hij drong bij de Sachsische hertog George aan om in een ordonnantie last te geven tot het droogleggen en ontginning van de lage landen in de boezem van de oude Middelzee. Daar de Friezen er weinig voor voelden om met eigen kracht en uit eigen middelen deze drooglegging tot stand te brengen, kreeg de hertog van Martena de wenk om naar ontginners uit te zien in het Noorderkwartier bij Medemblik en ten noorden van het Beemstermeer. Dit plan gelukte. Onder leiding van Hollandse ondernemers nl. De edellieden Thomas de Beukelaer, de gebroeders Thomas en Dirk van Wijngaarden, Bontemantel en d’Avila werd in 1515 het grote werk in de boezem van de Middelzee begonnen. Het nieuw gewonnen land werd eerst in 1579 bij de provincie ingevoegd. De 2e indijking kreeg haar beslag in 1600. De 3e in 1715 en nog later in 1754. De Hollanders bleven trouw aan hun eigen dialect, het Bildts, dat in de loop der eeuwen sterk ferfriest is. Het Bildt is een heel apart stukje Friesland.
OP EEN KOSTSKOALLE
Yn 1843 sitte û. o. de soan fan de Berltsumer minniste dûmny Hidde Seines van der Goot en Sjoerd Wopkes Osinga de soan fan Wopke Sjoerds Osinga en Gerlofke Piers Tania, de eigners fan ”it Heechhiem” , te Hattum yn it Instituut fan in sekere A. Hoen dy’t dêr kostskoallehâlder is. Hy priizget syn learlingen oan “omtrent de goede verzorging enz. welke gedurende dit halfjaar aan zijn leerlingen zijn gedaan”.
A. Hoen, Kostschoolhouder
ALGEMEEN HANDELSBLAD 17-6-1927
Gisteravond is te BERLIKUM (Fr.) de rijwielwerkplaats van Enne S. de Haan uitgebrand. Doordat buskruit en eenig vuurwerk in voorraad waren hadden zware ontploffingen plaats.
Algemeen Handelsblad 18-1-1930
In het dorp en de omgeving van BERLIKUM op de Friese klei, bekend door haar intensief tuinbouwbedrijf, verdwijnen er de laatste tijd vele boomgaarden en bessentuinen. De oorzaak is dat het kweken van ooft en bessen minder gunstige financiële resultaten oplevert.
Algemeen Handelsblad 8-10-1926
Jan Wytze Beetstra, vroeger bakker te Beetgumermolen, thans arbeider te BERLIKUM is failliet verklaard.
Algemeen Handelsblad 10-11-1933
Zeer vermoedelijk tengevolge van schoorsteenbrand is een woning bewoond door de familie Korf te BERLIKUM (Fr.) gedeeltelijk uitgebrand. De woning met inventaris gingen verloren, het pakhuis kon door krachtig werk van de motorspuit behouden blijven.
FRIESCHE COURANT 29-7-1797
Een schoenmakersknecht, zijn werk geheel of ten deele verstaande, kan aanstonds werk bekomen bij Jac. v. d Burg. Mr schoenmaker te BERLIKUM. Brieven franco.
L. C. 5-6-1762.
Uit de hand te koop een chirurgijns-winkel tot BERLIKUM met de dood ontruimd door wln. chirurgijn Joost Wijbrens Hofman, lange jaren met goed succes is geëxeerd en nog met zijn scheerklanten wort aangehouden. Iemands gading zijnde adreseere zig bij Wijbren Joostes (v.b. wagenmaker) die in alle billijkheid wil handelen.
L. C. 28-4-1762
Yn 1762 verkoopt Cornelis Scheltema, secretaris van de stad Franeker, een plaats groot 125 pm in het Berlikumer Klooster. Huurder was Symon Symons (Wassenaar)
ALGEMEEN HANDELSBLAD 24-7-1882
Het gebouw voor Evangelisatie (“Predikt het Evangelie”) te BERLIKUM, dat geheel overbodig is geworden, is door de kerkvoogden der Hervormde gemeente aangekocht en zal nu ingericht worden tot Bewaarschool.
IT COROANA_FIRUS (Covid-19, foarjier 2020)
Pandemieën – sa’t epidemieën op wrâldwide skaal neamd wurde - siedden ek earder yn de 20ste ieu noch dea en ferdjer. Sa foelen troch de Mexikaanske gryp (2009 - 2010) 13.763 deaden. De Hongkonggryp easke yn 1968 nei skatting 700.000 minskenlibbens. Troch de Aziatyske gryp wienen yn 1957 nei skatting in miljoen libbens te beskriemen. De Spaanske gryp easke tusken 1918 en 1920 neffens de romste skattingen 100 miljoen minskenlibbens. De lêste en deadlikste goalera-epidemy yn Nederlân fûn plak yn 1866. Die kostte in (foaral yn Amsterdam) 21.000 minsken it libben. Wat de medyske foarsjinningen en de folkssûnens oangiet stiet de wrâld der no mei de útbraak fan it coroanafirus yn it foarjier fan 2020 der no folle better foar as in ieu ferlyn. De wittenskip wit mear oer de wurking en bestriding fan firussen en de befolking is better fieden en besit dêrtroch mear wjerstân. Mar no’t troch de op dit momint (yn maart) hearskjende coroana-epidemy ús moderne wize fan libjen swier ûnder druk komt te stean en maatskippijen pypjend en kreakjend ta stilstân komme, docht ús, krekt as in ieu ferlyn, deroan werom tinken hoe kwetsber de minske noch altiten is. Hast alles stiet no ek wer op de kop, fysike kontakten wurde sa min as mooglik makke, in protte bedriuwen as horekagelegenheden, om mar wat te neamen, binne ticht, de skoallen binne ticht, alle (foaral grutte) gearkomsten as tsjerketsjinsten en festivals binne ferbean. Men moat minimaal oardel meter fan innoar ferwidere bleauwe en sa min as mooglik kontakten sykje. Boetes kinne oprinne oant 400 euro. It is mominteel stil op de strjitten en pleinen as ik dit skreau. It is it petear fan de dei. Hoe it ôfrinne sil is no mar wer ôfwachtsje.
It komt der op oan. It coroana-firus hâld de wrâld, it lân en dus ek BERLTSUM yn ‘e besnijing. De maatrigels reitsje eltsenien. Bern bliuwe thús fan skoalle, minsken moatte, as it kin, thús wurkje, kafees binne ticht, tsjerketsjinsten wurde ôfsein en pake en beppe krije gjin besite mear ..... De ympakt fan dit tige gefaarlike longfirus op ús maatskippij en de ekonomy is grut en lit sjen dat net alles makber is en dat men net alles yn’e hân hat, al mient men fakentiden fan wol. Sûnt 11-4-2020 steane der flaggen op de tuorren fan de Koepeltsjerke en de Krústsjerke mei as tekst “houd moed, heb lief”.
Kear op kear wurdt de minske opskrikt troch diersykten. As der grutte útbraken binne fan bygelyks bargegryp, fûgelgryp, ebola, SARS of zikafirus meitsje wy ús allegearre soargen.Mar as de driging minder wurdt, is ek meiien de belangstelling foar it ûnderwerp fuort. Al yn 2006 warskôgen de Wrâldsûnensorganisaasje en de Wrâldbank (yn it rapport National Strategy for pandemic influenza) dat in pandemy dy’t feroarsake wurdt troch sykten dy’t fan bisten op minsken oerdraachsum binne, mear slachtoffers meitsje kinne dan ienich oarloch ea dien hat. Is hjir wol nei lústere ? Fan alle bakteries of firussen dy’t minsken siik meitsje kinne is 75 prosint fan dierlike werkomst. Dit wurde zoönosen neamd. It coroanefirus is sa’n zoönose.
De militêre wrâldmachten binne foaral dominant fanwege harren ynoarme wapenarsenalen, inklusyf avansearre gefjochtsfleanmasines, drones, ballistyske raketten, oarlochsskippen, gefjochtstanks, swiere artillery en nukleêre massaferneatigingswapens (WMD’s). Mar de coroanapandemy ropt in prangjende fraach op : reitsje massaferneatigingswapens en oerwel- digjende fjoerkrêft net efterhelle, as biologyske (en gemyske) wapens – dy’t no ferbean binne troch in VN ferdrach – yn oarlogen fan de fiere takomst brûkt wurde ? De pandemy had wrâldwiid (no’t ik dit skriuw yn desimber 2020) wilens 64,5 miljoen ynfeksjes feroarsake en in oardel miljoen deaden. De pandemy hat ek de wrâld-ekonomy út de foegen skuort, mei as gefolch dat earmoede en honger nei nije hichten stegen binne. En dat alles sûnder dat der ien skot lost is yn de no al njoggen moannen duorjende oarloch tsjin in harren útwreidsjend firus.
Op 18-3-2020 liedden oeral foar it earst “de klokken fan hoop”. Hjirmei woene de tsjerkemienskippen in “boadskip fan hoop en treast” oanjaan foar eltsenien dy’t te krijen hawn hie mei it koroanafirus.
Hoe it fierder gean sil mei de Berltsumer skiednis, dat moat blike, ik wit it net. Of’t wy derfan leare, ek. It is sa’t histoarikus Geert Mak seit : “Neat is dreger dan skiednis werkenne as men der middenyn sit”.
Pastoar SYBRANDUS LEO
(Hjir earder yn dit e-book neamd.)
De eardere ferneamde Berltsumer pastoar, histoarikus en kartograaf Sybrandus Leo wie nei de Spaanske besetting ûnder Philips II. nei it (frouljus) Kuzemer kleaster by Oldekerk gien. It kleaster lei op in hege sânrêch. Hy hat hjir in kaart fan makke. (sit no yn it Grinzer argyf). Nei de ynfiering fan de reformaasje yn Fryslân yn 1580 luts hy him hjir werom. Oant syn dea ta, yn 1583, hat hy hjir wenne, hy is 54 jier wurden. Yn Menaam is in strjitte nei him neamd, de Sybrandus Leostrjitte.
PIUS ALMANAK ...... jaarboek van Katholiek Nederland jrg 6, 1880
Om 1300 hinne wie Eelco Liauckema pastoar yn BERLTSUM. Hy wie te Seisbierrum berne yn 1270. Neffens Sibrandus Leo boude hy de tsjerke fan BELRTSUM, wat befêstige waard troch in opskrift dy’t op de binnenmuorren fan de âlde tsjerke fûn binne. Anno 1320 hat hy de Kimnade pastorije bouwe litten. Guon wolle hawwe dat syn opfolger Diederik de tsjerke bouwe litten hat op grûn fan it folgjende opskrift, dat ek op de muorren fan de âlde tsjerke fûn is; hja stelle dat it hast net oan te nimmen is, dat dy tsjerke yn 1320 troch Eelco boud is, omdat dy yn 1345 sa ferfallen west hat dat Diederik in nije bouwe liet. It bedoelde ôfskrift joech oan “In den jare 1345 is de kerk alhier door de gemeente verbeterd, onder Heer Theodoricus (yn it Frysk Diederik) dy’t de 17e Abt fan it Kleaster Lidlum west is. Dit berjocht wurdt troch Sibrandus Leo ek befêstige, sizzende : “omtrent of wat na den jare 1345 is tot de pastorije van BERLIKUM beroepen Theodoricus, deze heeft de oude kerk te Tuitgum (Uitgong) die door ouderdom vervallen was met behulp van de ingezetenen onder de voet gesmeten en wederom van de grond opgehaald; daarna is hij de XVIIe Abt van het klooster Lidlum geworden. Deze schijnbare tegenstrijdigheid is zeer goed te verklaren als men bedenk dat BERLIKUM en UITGONG, bij elkander gelegen dorpen, (voorheen ieder eene afzonderlijke kerk en pastorie gehad hebbende?) , _- terwijl UITGONG later met BERLIKUM is vereenigd, - en men aanneemt dat Diederik (Theodoricus) in’t jaar 1328, als opvolger van den Heer Eelco, pastoor van BERLIKUM geworden is en omstreeks 1345 ook pastoor van UITGONG en dat hij toen in laatstgemeld dorp en niet te BERLIKUM de kerk gebouwd heeft. BERLIKUM behoorde voor de reformatie onder het Dekenaat van Menaldum en door den Heer Eelco is de pastorije onder het klooster Lidlum gebracht. De laatst bekende pastoor van BERLIKUM was Sibrandus Leo boven vermeld, deze beroemde geschiedschrijver stierf in 1588 (of wie it yn 1583 ?), Nadat de Heer Eelco vanaf 1300-1328 pastoor van BERLIKUM geweest was, begaf hij zich in de orde van Praemonstret en werd toen tot XIIe Abt van het klooster Lidlum verkozen.
L.C. 4-4-1772
BESLETTEN BANKEN.
Publyke ferkeap t.h.f. kastlein H. E. Huiving yn herberch “Het Wapen van Friesland” fan in gerjochte helte yn in dûbeld gestoelte , of besletten BANK, yn it bêst fan de tsjerke fan neamd doarp. Yn de eardere tsjerke fan BERLTSUM wiene dus ek al besletten banken.
L.C. 11-9-1779
De Secretaris Joh. Mebius praesenteerd by Boelgoed te verkoopen : Al het binnenwerk van de oude Kerk en opgerigte Loots (nei it ôfbrekken fan de âlde tsjerke tydlik brûkt as needtsjerke op it Tsjerkehôf ) tot BERLIKUM, bestaande in eene menigte zoo Mans als Vrouwenbanken met Rugstukken en Lessenaars, sampt Lambriseeringen, alles van best en gaaf Eikenhout, voorts een Predikstoel met zijn Kap; een Doophek met zijn toebehooren; eene grote qualiteits 36 en 24 voets nieuwe Juffers, eenige hondert greenen Planken, een groot aantal zwaren Greenen Eiken, Balken en Paalen, eenige duizend nieuwe Enkhuizer Pannen, vele Raamten met fijne Glazen en wat meer ter zelfden dage te voorschijn zal worden gebracht. Wie hier aan gading maakt, kome op Dingsdag den 14 September ‘s Morgens te 10 uur op het Kerkhof te BERLIKUM.
KETI KOTI (brutsen keatlingen)
KANTONRJOCHTERS yn BERLTSUM
Ien fan harren wie in Jhr. Mr. Daniël Otto Engelen.
In sibbelid út dizze sibbe hat op 1-11-2004 myn wurkkeamer yn it eardere Belêstinggebou steande oan de Tesselschadestraat yn Ljouwert tawezen krigen neidat ik, nei de grutte reorganisaasje by de Registraasje & Suksesje, de tsjinst mei de VUT (pré-pensjoen) ferlitten hie. Ik ha hjir 42 jier as amtner tsjinne. Dizze hjir boppeneamde Jhr. Mr. D. O. Engelen is tusken 1828-1886 Kantonrjochter yn BERLTSUM west. Doe’t der yn de Keamer diskussearre waard oer de ôfskaffing fan de slavernij, stipe it Fryske Keamerlid W. E. Engelen út dit skaai in mei-Keamerlid dat sei dat it ôfskaffen wol “in djoere Kristenplicht”en “in needsaaklike behoefte fan de tsjintwurdige tiid” wie, mar it ôfskaffen ta “grutte gisting” liede koe. Hy warskôge foar opskuorren op de plantaazjes. It lot fan de plantaazje-eigner wie dus wichtiger dan it lot fan de ta slaaf makken. It Fryske Keamerlid W. E. Engelen bliek sels ek oandielen yn de Surinaamske plantaazje te hawwen en hie dus belang by it ynstân hâlden fan de slavernij. Nei it yn 1863 offisieel ôfskaffen fan de slavernij waard hy kompensearre foar syn finansjele “ferlies”. De slaven moasten noch 10 jier ûnder twang oant 1873 ta, sûnder dêrfoar in sint te krijen, op de plantaazjes trochwurkje om de plantaasje-eigners temjitte te kommen. Hûnderttûzenden binne destiids ûnder de ferskriklikste omstannichheden fanút Afrika troch de WIC en de VOC nei Suriname en de Karaybiske eilannen (en de Feriene Steaten) brocht. Peter Stuyvesant en Marijke Meu (Maria Louise van Hessen-Kassel) hiene ek slaven yn tsjinst. Der wie wol protest mar folle breder wie de akseptaasje. Dit is ús op de skoallen nea ferteld.
F. D. 26-5-2023
WANDKLEED van vrouwen uit BERLTSUM hangt nu in Joure.
Een groot wandkleed uit de voormalige gereformeerde kerk van BERLTSUM is donderdag verhuisd naar de protestantse gemeente “De Oerdracht” in Joure. In de Jouster kerk hing precies zo’n voorstelling, maar die ging bij de brand van 1992 verloren. Het wandkleed , een kopie van de wandschildering “Het Laatste Avondmaal” van Leonardo da Vinci, is in de smyrnatechniek geknoopt door Liepy Quarré- Beimers. Volgens Durk (Klazes) Osinga was het in de jaren 80 een populaire techniek. De vrouwenvereniging “Dorcas” bedacht dat het leuk zou zijn de gereformeerde kerk van BERLTSUM eentje te schenken ter gelegenheid van het 100 jarige bestaan van deze kerk. Het gevaarte van 2 bij 3 meter kreeg in 1987 een prominente plek in de kerk. Het religieuze wand- tapijt past niet in de nieuwe, seculiere invulling van het gebouw. Het nu seculiere tot M.F.C. (multi functioneel centrum) verbouwde kerkgebouw aan de Hôfsleane wordt op 2 juni 2023 officieel geopend met de naam “It Stêdhûs”. Doarpshûs “It Heechhout” (de eardere túnbouskoalle) oan de Sportleane wurdt ôfbrutsen en op dit plak komt in nije folle gruttere Poiesz-winkel te stean.
(Foto op blz 5)
STEDSRJOCHTFERLIENERS
Oarspronklik wie dit rjocht foarbehâlden oan de keizer as heegste gesachdrager. De measte lânhearen hawwe harren hjir net al te folle fan oanlutsen. Seker de greven fan Hollân net. Se lieten harren der dan ek goed foar betelje. Trettjin Frysk/Grinzer stêden t. w. Ljouwert, Boalsert, Frjentsjer, Snits, Dokkum, Harns, Warkum, Drylst, Sleat, Hylpen. BERLTSUM, de stêd Grins en Appingedam foarmje in aparte kategory. Omdat in sintraal lânhearlik gebiet yn Fryslân fan de 13e oan it ein fan de 15e ieu feitlik net oanwêzich is, binne it de bestjoeren fan de Gooën (sa wurdt oannommen) dy’t stedsrjochten tasteane en dizze ta selsstannige juridyske entiteiten útgroeie litte. Starum dat lange tiid ûnder Hollânske ynfloed stien hat wurdt hjir dêrom net ta rekkene. Starum hat de âldste stedsrjochten yn Fryslân,
DE EARSTE TSJERKTSJINST YN MFC “IT STEDHÛS”.
Op snein 4 juni 2023 waard om 10 oere de earste tsjerketsjinst yn it MFC hâlden. De liturgyske saken út 1951 fan de eardere Griformearde tsjerke hjir waarden binnenbrocht. Jan Willem’s Brouwer de peaskekears, Durk Klazes Osinga de kânselbibel, it doopfet troch Sijke (Klazes) Wassenaar-Wiersma en as lêste it nachtmielstel troch Annie (Jitse’s) Smits-Jansma t. w. de beker en de breaskaal en Silke Nanne Dirk (Arie’s) Posthumus de kanne. Doarpsgenoat Erik Bijma út de Jac. van Tuinenstrjitte 5 hat de prachtich útfierde meubelstikken makke as de tafel, de peaskekears–kandler en de bibelstander. De PG gemeente is no ien fan de hierders fan it nije MFC gebou mei de oare organisaasjes as fan de GGD oant de fisio dy’t hjir no ek yn fêstige binne. Dûmny Rob Bergsma hie de foargong, Tineke Greijdanus siet efter it oargel en Jan Jelle’s Hoogterp dirigearre it tsjerkekoar. It is de bedoeling dat de sneinske tsjerketsjinsten om bar plak fine sille yn de Koepeltsjerke en it MFC. Der binne sa’n 260 stuollen beskikber. Yn de Herfoarme tsjerke binne sa’n 350 sitplakken beskikber. (earder sa’n 400)
TSJERKE-OARGELS yn FRYSLÂN
mei it jier fan stifting troch de yn BERLTSUM wenjende oargelbouwers : Anjum 1667 Harmen Jans (Camp) fan BERLTSUM , Boksum 1675 Jan Harmens (Camp) fan BERLTSUM, Warkum 1697 Jan Harmens, Mantgum begjin 17e ieu Jan Harmens, Peins 1700 Jan Harmens, Easterbierrum 1719 Jan Harmens, Winaam 1720 Jan Harmens, De Westertsjerke yn Ljouwert 1727 Jan Harmens.
DE WEKSTEM 13-11-1877
Te Beetgum is aanbesteed het vergrooten, verbeteren en inwendig vernieuwen van het kerkgebouw der Chr. Gereformeerde Gemeente (dêr oan de Berltsumerdyk). Laagste inschrijvers waren S. Smits en A. Boomsma te BERLIKUM voor fl. 2899,- In protte Berltsumer gesinnen rûnen op snein twaris nei dizze tsjerke ta.
FRIESCH VOLKSBLAD 31-3-1877
Bij inschrijving bij K. J. van der Schaaf. Het afbreken van een schuur en het bouwen van een nieuw Evangelisatie lokaal (genaamd “Predikt het Evangelie”) met meublement en een belangrijke herstelling aan het (dêrfoar steande) woonhuis van den evangelist (oan de Buorren).
DE BERLTSUMER JIERMERKE
Yn BERLTSUM fûn de feemerk plak op de Bitgumerdyk. Yn de bermen stiene pealen dy’t oan innoar ferbûn wiene mei lange leuningen. Hjir koe it oanfierde fee oan fêstbûn wurde. Yn 1865 waarden mar leafst 625 stiks fee oanfierd. Yn 1866 wiene dat 550. Yn Ljouwert fûn de feemerke doe al eltse wike op freed plak.
ZEEUWS LANDBOUWBLAD 27-8-1938
Wellicht zal de Limosa, een vroeg aardappelras, dat in 1929 uit een kruising van Eersteling en Geeltje op den Proeftuin te BERLIKUM (Fr.) is gewonnen, geschikt zijn voor de binnenlandsche markt. Dit ras is onvatbaar voor de aardappelwrat ziekte en rijpt iets na de Eersteling.
IT EARMHÛS
It eardere Berltsumer gemeentlike earmhûs stie op de Terp oan de Lytsebuorren. It hûs waard lieden troch in “fader”en in “moeder”. Heit en mem sizze fielde te eigen. Hjir stiet no “Berlinga State”. Ûnder de stienne trep nei de haadyngong fan dit gebou wie it “Kasjot” fêstige. Dêr waarden de troch de Berltsumer 3 plysjes oppakte persoanen tydlik yn opslúten. Yn in protte doarpen siet it kasjot ûnder de tsjerketoer. Kasjotten, ek wol kerkers neamd, wiene fanâlds ynrjochte yn kastielen, boargen, fêstings, ûnder in doarpstoer en stedspoarten. It wiene fakentiden donkere en fochtige ûndergrûnske kelders. Dit koe yn BERLTSUM net omdat hjir gjin plak foar wie yn it tsjerkegebou. De ynfiering fan de bijstânwet yn 1965 wie de lêste stap yn it hiel folsleiner meitsjen fan de fersoargingsteat. Ek wa’t net sels yn in ynkommen foarsjen koe, moast in lyts bedrach hawwe om fan rûn komme te kinnen. De Bijstânswet ferfong de Earmenwet fan 1912 dy’t de earmensoarch wol regele, mar dochs noch foaral oerliet oan famylje en maatskiplike organisaasjes. De Bijstânswet makke in ein oan die ôfhinklikens en soarge foar besteansekerens. Foar Marga Klompé, de minister dy’t de Bijstânswet ynfierde, gie de wet om krekt wat mear as besteansekerens, it gie harren ek om weardigens. Lokkich besteane de earmhûzen net mear mei de grutte itenssealen, sliepsealen en sikesealen. De bewenners hiene totaal gjin privacy. Hjir yn BERLTSUM ek net.
IT BERLTSUMER NIJS
BERLTSUM hat lange tiid doarpsomroppers hân. Dit barde earst mei de doarpstrom(mel) dy’t fan de tsjerke wie, dêrnei mei de skille (doarpsbel), doe mei in hânlûdsmikrofoan, noch wer letter mei de lûdsauto. De lêste wurden wiene altiten “Siz it fuort”. Tsjintwurdich wurdt der net mear omroppen. Men moat no it nijs fernimme út doarpsblêd “It Roaster”en út oare kranten of op Facebook. Oant om 1500 hinne waard it doarpsnijs trijeris yn de tsjerke ôfkondige. Dêrnei net mear. Keizer Karel V. joech yn 1526 it befel dat dit wer ynfierd wurde moast lykas dit earder ek barde. In protte minsken koene yn dy tiid net lêze en skriuwe en moast it harren troch it wurd oansein wurde.
GOESSCHE COURANT 5-12-1889
Te BERLIKUM had in de vorige weeke ene stemming plaats voor drie leden van het kerkelijk kiescollege en een kerkvoogd. Nu de doleerenden eruit zijn, hadden de liberalen (vrijzinnigen) kans om een of meer hunner gekozen te zien, daarom werd aan de stemming deelgenomen. Eenige partijgenoten waren bij de opening tegenwoordig, aangezien men de (rechtzinnige) broeders, aan de stembus gezeten, niet al te goed vertrouwde. Maar ...... zij zouden er niets van te zien krijgen. De voorzitter, ds. Nijhuis, verzocht het publiek om heen te gaan – het ging niet - er werd bevolen – het ging niet - er werd gedreigd met politie - het ging niet. Daarop nam zijn eerwaarde de stembus met de biljetten onder de arm en verwijderde zich gevolgd door den kerkeraad naar de kosterswoning. De kerkvoogd (J. G.) Hacquebard blies daarop de lamp uit en nam ook de vlucht met de bus waarin de stemmen voor een kerkvoogd lagen.
(De liberalen- frijsinnigen- fan destiids wiene hjir yn BERLTSUM fierwei yn de minderheid.)
GOESSCHE COURANT 19-6-1884
Naar men verneemd heeft de kerkeraad der Hervormde gemeente te BERLIKUM het hoofd der openbare school (J. H. Groenewold) gecensureerd en hem het avondmaal ontzegd, omdat hij zich verstout had, bij gelegenheid van de onlangs gehouden jaarmarkt, de harddraverij bij te wonen. Deze openbare onderwijzer is voorlezer en organist bij de godsdienstoefeningen. Nu had het tuchtmiddel moeten dienen, om hem te bewegen zijne kerke- lijke bedieningen neer te leggen, doch dit doel is mislukt. Ofschoon men hem nog als organist kan dulden zou men hem als voorlezer gaarne willen missen. (Sa waard it haad fan de C.V.O. skoalle, master Heinsma, de opfolgjende foarlêzer.)
NEDERLANDSCHE KATHOLIEKE STEMMEN ...... 10-10-1886
Men schrijft aan de NR Crt. Naar aanleiding van het gemeld bericht “Op water en brood”, kan uit het noorden iets dergelijks worden vermeld. Sedert mei j.l. is er te BERLIKUM niet één afgezet. (Dûmny G. Nijhuis wie hjir yn maaie 1886 kommen) En nu de ganschen zomer door komen een 20, soms een 30 heilbegeringen uit Leeu -warden naar BERLIKUM (om dûmny Nijhuis te hearren) en brengen daar nagenoeg den ganschen zondag door. De afstand is 2 ½ uur gaans. ‘s Morgens 6 uur van huis gegaan komen zij ‘s avonds na zessen weer thuis.
PROPAGANDA
De Zuivelbewerker, orgaan van den Bond van Zuivelfabrieksarbeiders.
Woensdag 20 februari hadden wij een propaganda-avond in BERLIKUM. Een 20 tal zuivelarbeiders van de fabriek van de heer Swart waren aanwezig, plus een paar leden uit Marssum. Het mocht ons niet gelukken hier een afdeeling tot stand te brengen. Hoewel men er niet recht voor uitkwam, was patroonsvrees een der voornaamste redenen, die hen terughielden. Het is te hopen dat de arbeiders in BERLIKUM deze zullen overwinnen, dat zij ook zullen tonen geen slaven maar zelfstandige mensen te zijn.
DE (frijsinnige) PROTESTANTEN BÛN.
De Protestantenbûn, ôfdieling Menameradiel, (earder yn dit e-book neamd) hâlde ek yn BERLTSUM harren godtsjinsoefeningen yn de Doopsgesinde tsjerke. (1888, 1910). Ûnder de rjochtsinnigen hie de folgjende anekdote de omgong : Yn in doarp soe in ôfdieling fan de Protestantenbûn oprjochte wurde. Dêrta gie men rûn mei in list om jildlikse bydragen yn te sammeljen. By in frijsinnige boer yn Drinte kommen, krigen hja te hearren: “Wat?”, ik ‘geleuf” niks, en jullie “geleuven”niks, en nou zullen we een “kerel” overkomme laten die ok niks “geleuft”! Om met elkaar te “luusteren” naar wat we toch niet “geleuven”. Wat zou dit nou beduuden. Dêrmei waarden de besikers mei harren propagande alhiel út it fjild slein en ôfskepe.
WEEKBLAD DER DIRECTE BELASTINGEN, INVOERRECHTEN & ACCIJNZEN 6-8-1932
Het kantoor der D.B. en & Acc. te Menaldum wordt met ingang van 1-9-1932 verplaatst naar BERLIKUM (Fr.) Het kantoor zal voortaan den naam dragen : Kantoor der Direkte Belastingen & Accijnzen te BERLIKUM.
KERKNIEUWS 7-6-1947
BERLIKUM. Ten einde het aantal zitplaatsen te kunnen uitbreiden heeft de commissie van beheer 50 stoelen aangeschaft. De gemeente (gereformeerde kerk) telt thans 891 zielen.
MAANDBLAD HET ORGEL 1-5-1948
Op 1 mei herdacht P. Born (Pieter en Koosje) het feit dat hij 25 jaar geleden in functie trad als organist der N. H. Kerk te BERLIKUM (Fr.) Wij hopen dat het hem gegeven mag worden nog tal van jaren zijn gaven en krachten te stellen in dienst der kerk. (Soan Jacob Hubregt Born wie oargelist yn de van Harenstsjerke te Sint Anne.)
YN DE FRÂNSKE TIID
wennen guon fan my foarâlden op de pleats “Westerhuis” oan de Hege Hearenwei ûnder Marrum. Myn oerpake Hendrik Watses Posthumus, de pakesizzer fan Pieter Cornelis (Cornelissen) Posthumus, is letter yn BERLTSUM kommen te wenjen. Yn de L. C. fan 12-10-1860 is te lêzen : Publ. Verkoop van een Zathe en Landen (Westerhuis genaamd) aan de Hoge Herenweg onder Marrum gr. 48.60.10 Ha, bij Pieter Cornelis Posthumus’ weduwe in huur tot de herfst van 1862 en Petri en Mei 1863, voor fl. 2200 in het jaar. As in protte Berltsumers, is myn oerpake Hendrik Watse Pieters in “ymport Berltsumer”. Guon Berltsumers dy’t hjir al generaasjes tige lang wenne hawwe binne der no hast net mear te finen. Inkelde binne de hjir noch wenjende Boomsma’s de Schiphof’s, de Runia’s, de Kuperussen, de Quarré’s (Carree), Dokkumburg, Peterzon, en de Lautenbach’s, om mar in pear nammen te neamen, sibben dy’t hjir al foar de Frânske tiid al wennen,
UITHOVEN
De Abdij Lidlum had het gehele dorp Boxum zowat in bezit waar het twee uithoven had liggen, Monnikshuis en Ter Poorte, alsmede nog een uithof te BERLIKUM genaamd Amkema State. De uithoven werden bewoond door lekenbroeders die de omliggende landen bewerkten. Omdat deze landen vaak niet dicht bij een klooster lagen en het toezicht ontbrak, gingen die veelal hun eigen gang. Toen die van TER POORTE zich onzedelijk begonnen te gedragen en niet luisterden kregen ze bezoek van Eelco Liauckema, de eerdere pastoor van BERLTSUM, daarna de Abt van het klooster Lidlum. Hij werd daar door hen vermoord. Kleaster Anjum hie twa úthoven te WIER, t. w. de “Muontsepleats” yn WIER en pleats “de Winkel” op Moaie Peal. Yn WIER is no noch it Muontse -paad dat earder oer de Frjentsjerterfeart nei it Kleaster Anjum rûn.
DE POIESZ
De ienichst hjir noch oerbleaune (krúdeniers)winkel oan de Buorren en nei de brân oan de Hôfsleane, wie earst oansletten by de VéGé, dêrnei by de GOLFF en wer letter by DE SPAR organisaasje. No is men oansletten by de POIESZ. Dizze winkel is boud yn 2023 op it plak wêr’t earder doarpshûs “It Heechhout” stie oan de Sportleane.
BIJDRAGE TER BEVORDERING VAN HET ONDERWIJS 1-1-1800
Geëxamineerd door de Commissie van Vriesland: W.(illem) R.(eins) Spoelhof te BERLIKUM , oud 44 jaar, de 9e van de Bloeimaand. Hij bezat de 3e rang.
SNEEKER NIEUWSBLAD 12-2-1898
BERLIKUM. Verleden week had bij de weduwe Osinga een samenkomst plaats van meer dan 100 boeren uit den wijden omtrek, allen leveranciers van melk aan den zuivelfabriek van den heer J. J. Swart, alhier. Verleden jaar was door den heer Swart eene extra uitkering beloofd als de winsten zulks toelieten. Nu werd eene extra-uitkering gedaan. De fabriek werkt met een 30 tal knechten waaraan verleden jaar 16.000 gulden arbeidsloon werd uitgekeerd. Ze hebben dus goed hun brood. Het vorig jaar was men bang dat de nieuw opgerichte coöperatieve fabriek te Marssum die te BERLIKUM zou schaden. Dit is echter niet het geval geweest. Werd in 1896 door 240 boeren 6 milioen liter melk geleverd, in 1897 leverden 340 boeren de melk van ruim 2000 koeien, in het geheel 7 millioen liter.
SNEEKER NIEUWSBLAD 11-9-1872
De ondergeteekenden maken aan het geëerd publiek bekend, dat hunne nieuw opgerichte STOOM-OLIESLAGERIJ te BERLIKUM den 31 Augustus jl. is in werking getreden. Recommanderende hopen zij, door eene prompte behandeling, zich een ieders gunst waardig te maken.
BERLIKUM, den 31-8-1872
L. A. van der Meij, BERLIKUM
L. G. Boomsma, BERLIKUM
F. A. Gerbens, MENALDUM
N. B. Zij zullen met in - en verkoop teekenen van der Meij & Comp.
(Het Hervormde weekblad genaamd : ) DE GEREFORMEERDE KERK 2-1-1890
Door het hoofdbestuur der Vereeniging van Christelijke Onderwijzers en Onderwijzeressen in Nederland is opgedragen aan de heren A.C.N. Scheffer te Harlingen, J.C. de Puij te Sexbierum en W.C. van Munster te Leeuwarden om een onderzoek in te stellen naar de zaak van het ontslag van den hoofdonderwijzer, den heer W. B. Kroeze aan de Christelijke (C.V.O.) school te BERLIKUM. Men is eenparig tot de conclusie gekomen dat : A. de verhouding tussen schoolbestuur en onderwijzer aldaar onhoudbaar was geworden, dat : B. De schuld van de verwijdering aan beide zijden ligt en dat de onderwijzer niet aan alles voldeed aan het door hem ondertee- kende reglement en door het hem niet rekening houden met de plaatselijke toestanden. Om welke redenen het Hoofdbestuur aan de leden der vereeniging NIET KAN AFRADEN, om naar BERLIKUM te solliciteeren om redenen in dat ontslag gelegen.
Fan de grifformearde side (C.N.S. skoalle) waard in protte ynsinuearre en wie ÔFRIEDEN om net nei dizze (C.V.O.) skoalle te sollisitearen. Sjoch ek by W. B. KROEZE yn dit e-book earder neamd.)
DE GEREFORMEERDE KERK 23-3-1905 (in Herfoarmd wykblêd)
Christelijke Normaallessen te BERLIKUM (Oplieding ta skoalmaster en ta skoaljuffer)
Aangifte van nieuwe leerlingen voor 1 April a.s. bij J. Alberts te Beetgum, K. Kremer te BERLIKUM, S. Heinsma te BERLIKUM, R. Bakker te Menaldum
IT TESTAMINT FAN HETTE van HEMMEMA opmakke d. d. 30 sept. 1572
(It orizjineel leit yn it Schwartzenberg argyf)
Inden name Godts den heren almachtich soe heb ick Hette van Hemmema wonende tot BERLIKUM ende alhier binnen de stad Franecker cranck liggende onder medecijnmeesters handen etc.... mijn testament, laatste wille laten maecken (hy hie yn Frjentsjer in feilich hinnekommen socht fanwege de oarloch). Hjir út bliekt hy de folgjende besittingen te hawwen. Fêstguod (ûnreplik guod) û. o. yn Deinum in sate lân Mennearde neamd en lân dêr út Intzema sate, lân te Hitsum en Jellum, in sate te Stiens, lân by Engwirt (by Poppenwier), in hûs en hiem te BERLTSUM, lân op it Bilt by Lune (fan dêr komt de namme Lúnsterwei) ûnder it gebiet fan Sint Jabik by BERLTSUM, alle hiersteden yn BERLTSUM, it Berltsumer tichelwurk mei in hûs (fan dit tichelwurk skinkt hy fakentiden stien oan syn yn Hitsum wenjende soan Rienck van Hemmema dy’t boaske wie mei Ath Ruurd Joh.sn Roorda (mei de baar) en dy’t letter opnij boaske wie mei Tading fan Adelen ôfkomstich fan Penjum en dêrnei opnij wer wenjende te BERLTSUM op Hemmema state), in kollaasje fan de prebinde te Doanjum en te Hitsum, in sate te Wanswert, in sate te Stiens en fierder noch replik guod.
Ûndertekeners binne de folgjende ynwenners fan Frjentsjer t. w. in Godsfrund Sipkesoan, in Jan Aysma, in Jan Jans soan, in Vft Jans soan, in Agge Douwes soan Lanquerda (Lankwert) de siktaris fan de stêd Frjentsjer, Sibrandum Richeus en notaris Dominien Richeus.
Erfgenamten binne syn trije soannen t. w. Sicko, Rinck en Douwe (Doecke) Hemmema en syn dochter Gerlandt Hemmema. Doecke krijt sa yn 1572 û. o. it Berltsumer tichelwurk yn besit en 40 jier letter yn 1612 is in Joannes Sipckes de eigner.
FRIESCH VOLKSBLAD 14-12-1890
Berichten van vergaderingen.
“BROEDERTROUW” te BERLIKUM –
Voor een vrij talrijk publiek ging voor, voor onze vereeniging, onze vriend F. Domela Nieuwenhuis. In de eerste plaats schetst hij de vrijheid van het Nederlandse volk, welke bestond op papier uit papieren rechten, doch waarvan wij in werkelijkheid weinig bespeuren, zegt Spreker, zodat de arbeiders in ons land eigenlijk alleen de vrijheid hebben om van honger te sterven. Duidelijk toonde Spreker aan etc. .... etc. ..... Van de gelegenheid tot debat werd gebruik gemaakt door den heer Kremer, onderwijzer aan de bijzondere school teBERLIKUM, die ook weer, als altijd, pleitte voor gelovig en onze christelijke regeering. Hij vertelde, dat etc. ... etc. .... Duidelijk en overtuigend werd door Domela Nieuwenhuis bewezen, dat het onze christelijke regering evenmin ernst was iets voor het volk te doen, als vroeger de liberalen etc. .... etc. .....
FRIESCH VOLKSBLAD 14-7-1889
Stem op de VOLKSPARTIJ die opkomt tegen armen en de werkelozen voor een groot deel van de bevolking.
Aan de kiezers van MENALDUMADEEL.
Wilt u haar helpen in haar streven, begin dan met bij de a.s. verkiezing voor Leden van de Raad van Menaldumadeel te stemmen.
Auke Jans van der Meij, BERLIKUM (geel briefje), Pijlger Bruinsma te Beetgumermolen, Rembartus Gerhards de Cock te Dronrijp (is in neikommeling fan de eardere Bitgumer dûmny de Cock) , Geert Douwes Douma te Engelum, Pieter Klazes Veeman o/d Marssum (wit briefje)
Namens het Bestuur der Volkspartij
P. A. Verbeeten (hy wie (in tige fûl sosialistysk) ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle te BERLTSUM)
DE TIMMERMAN orgaan van den algemeene timmerman 1-7-1908
Aanbestedingen
BERLIKUM (Fr.) Het afbreken en wederopbouwen van een Constoriegebouw met drie lokalen. Laagste inschrijver is J. A. van der Meij te BERLIKUM voor fl. 4147,-
(De grutte Konsistoarje oan it tsjerkepaad is boud yn 1908, it jiertal stiet yn de muorre.)
IT FERHURDZJEN FAN DE WEGEN
De begrinding van den weg in de gemeente Menaldumadeel van de kerk van BERLIKUM tot aan de grens met de gemeente Franekeradeel, lang 3,820 el.
Door de uitvoering van dit werk zullen de bestaande grintwegen van Marsum over Beetgum naar BERLIKUM en van Franeker over Boer en Ried, naar de grens van Menaldumadeel worden verbonden , en zal alzo in verband met den grooten weg van Leeuwarden naar Harlingen, tusschen Marsum en Franeker een tweede gemeenschap worden daargesteld. Met dit werk zal in in het voorjaar van 1858 worden begonnen.
SNEEKER NIEUWSBLAD 30-5-1925
JUBILEUM
Op 1 juni a. s. hoopt de heer Jan van Manen, onderwijzer aan de Jan van Nassauschool te Sneek, den dag te gedenken dat hij het christelijk onderwijs 25 jaar mocht dienen. Eerst werd hij verbonden aan een der scholen te BERLIKUM (de CVO skoalle), daarna aan de christelijke school te Nederhorst den Berg. Na opnieuw de school in BERLIKUM eenige jaren te hebben gediend, kwam hij in Sneek over aan de Rehoboth en Jan van Nassau -school om zijn arbeid voort te zetten. Zijn arbeid, ook op het gebied van zang en muziek, wordt door allen die er van profiteerden of ermee kennis maakten ten zeerste gewaardeerd.
(Hy wie hjir ek oargelist yn de Koepeltsjerke)
BILDTSCHE COURANT 26-2-1952 jaarfeest.
23-2-1952 - De Hervormde Jongelings- en Meisjervereeniging hielden vrijdagavond hun gecombineerde jaarfeest met haar begunstigers in de zaal van “Hotel Hof van Holland” o. l. v. ds. R. Bijl. Na de liturgie volgden de jaarverslagen, die op rijm werden vertolkt etc. .... etc. ....... Aan de heer Hendrik W. Posthumus, die de Jonge- lingsvereeniging 3 jaar geholpen had als voorzitter, werd een fraaie tinnen beker met inscriptie en tevens het ere-lidmaatschap der C.J.V. aangeboden. Door de meisjesvereeniging werd een zangstukje uitgevoerd waarin hun leidster mej. Geertje Kooistra-Runia werd bezongen, tevens was het een jubileum voor haar dat zij 15 jaar leidster is geweest. Zij werd met een boekwerk vereerd. Er werden 3 eenacters opgevoerd en een stuk “De weg terug” een ernstig spel in 4 bedrijven was wel het hoogtepunt. Soms vergat men dat men met amateurspelers en niet met beroepsspelers te maken had. Iedereen was dan ook vol lof hierover. etc..... etc....
Ds. JAN OFFERS
Noch eat oer de hjir yn BERLTSUM stien hawwende grifformearde dûmny Jan Offers, earder yn dit e-book neamd. Hy waard op 17-12-1945 “losmakke” fan de tsjerke. Hy soe as “ontheven” dûmny nei Heemse gien wêze. Ik ha dat nearne fine kinnen. Ik fyn him as dûmny werom yn Lutterade-Treebeek. In dûmny koe losmakke, skorst of ôfsetten wurde. In amtsdrager wurdt “skorst” as hy in bepaalde sûnde begien hie. In skorste dûmny mei syn wurk net mear útoefenje. In skorsing kin plak fine nei oermjittich brûken fan alkohol, in ferslaving, fysyk geweld, sûnde op seksueel mêd of op it terrein fan jild. Wannear’t der sprake is fan “losmeitsjen” fan of “ûntheffing “, sa as hjir it gefal wie, dan is dat meastal it gefal as de dûmny en de gemeente net mear by innoar passe, dus net mear troch deselde doar gean kinne (hy hat hjir, nettsjinsteande dat, lykwols noch 19 jier stien). De dûmny mei dan “losmakke”wurde fan syn gemeente. Sa’n dûmny krijt al flot it stimpel dat der eat net goed mei him is. Dêrnei ûntfangt hy gjin berop mear. Wilens it probleem by in “losmeitsjen” krekt sa goed by de gemeente of tsjerkeried lizze kin. Yn Laar yn it greefskip Bentheim (Dútslân) hie hy ek al spul mei de tsjerke dêr. Hy moast dêr ek fuort en is sa yn BERLTSUM kommen.
KONINKLIJKE COURANT 18-4-1809
Ministerie van den Eredienst
De floreenplichtige ingezetenen van den Hervormde godsdienst worden geconvoceerd, om, op den eersten van bloeimaand, des voormiddags te compareren in de kerk te BERLIKUM, om, in persoon of bij behoorlijke volmacht te stemmen een predikant in de vacerende Hervormde gemeente te BERLIKUM en zulks volgens het reglement daar van zijnde.
BERLIKUM, den 11den van grasmaand 1809
Yme Taekes (Appelhof)
Dirk Heerkes (Tilstra)
Ouderlingen
NOCH EAT OER DE SIBBE LIAUCKEMA
earder yn dit e-book neamd. Eelco Liauckema wie pastoar yn BERLTSUM en fan 1325-1332 abt fan it kleaster Lidlum. In Schelte Liauckema komt yn fiktieve ferhalende boarnen foar. In Schelte Lats(e)ma, Latkema, Laickama of Liauckema krige yn 1398 fan de greve fan Hollân it baljuwskip fan de Frjentsjerter Fiifdielen en yn 1399 de hearlikheid fan Pietersbierrum. Winaam, Seisbierrum, Minnertsgea, Menaam, Dronryp en Boksum. Yn Seisbierrum en BERLTSUM wiene der de pleatsen mei de namme LATSMA. Men wol wol hawwe dat de Latsma’s en de Liauckema’s oan inoar besibbe binne.
L.C. 8-3-1872
Verkoping te BERLIKUM van een huis, erf ca in gebruik bij de weduwe van den koopman W.(ijger) W.(ijgers) Rekker en boelgoed , zooals eene aanzienlijke partij manufacturen, linnen, dekens en andere stoffen, een toonbank en wat verder tot de winkelaffaire behoort.
L. C, 14-10-1817
ONDERTROUWD
S. Y. SEVENSTER en J. van der TUUK
BERLIKUM den 12 OCTOBER 1817
L. C. 7-10-1767
Men adverteert, dat met Consent en Approbatie van de Hoogwelgeboren Heer Jr. G. F. Baron van Schwart- zenberg en Hohenlansberg, Grietman over Menaldumadeel, de jaarlijkse Herfstmarkt in den dorpe BERLIKUM gehouden staat te worden op Woensdag den 14 October 1767 zullende de beesten die ter Merke worden gebragt vrij zijn van de betalinge van ‘t Merke geld, werdende meede by deezen geadverteert, dat in vervolg van tyd die Merk staat gehouden te worden op de tweede Woensdag in de maand October. Waar na de Drukkers der Almanakken verzogt worden zig te reguleren.
( De Berltsumer merkedagen waarden wit hoe faak ferkeard yn de almanakken oanjûn)
L.C. 4-9-1782
Men zal binnenkorten tyd op Boelarticulen van Menaldumadeel ten huize van Simon Sybrens (Poelstra), Koopman tot BERLICUM verkoopen : een deftige Winkel bestaande uit Sarsjens, Bayen, Yfersterken, Damasten, Caleminken, Greinen, Harlinger Bonten, Linnens, Toppens, Huisdoek, Nieuwgeweeuven Doek, Zyden en Bonte Doeken, Engelse Catoenen en andere Bonten Sleesjes en voor wat tot een complete Winkel is behoorende etc. etc. bewoont door de eigenaar Simon Sybrens (Poelstra).
L.C. 3-12-1760
De ontvanger Th. Cock, zal op woensdag den 17 December 1760 en volgende dagen op ordinaris Boel-artikelen van Menaldumadeel, by Boelgoed verkopen ten sterfhuize van wylen Boote (Bote) van der Veen (mr. Timmer- man, berne yn 1705) te BERLIKUM, een magnifique en kostelijke Imboel bestaand in Notebomen en andere Cabinetten, waar onder één zeer kunstig en fraay ingeleid, Kasten, Tafels, Stoelen, Spiegels, Schilderijen, een Hoornse Wagen, een uitstekende mooye Hollandsche Chais en Paarde gereyden, een Poolse Sleed en een weergalooze Glad Mangel met leningen, voorts sierlijk Linnen en Wollen Manskleeren. Extra fraay Bedt en Tafel goed, kleurlyke porceleynen Schotels, Borden, Koffie en Theegoed sampt allerley Delfs en ander Steengoed, curieus gemaakt Zilver, Koper, Tin en Yezerwerk en alles wat tot een deftige en zindelijke Imboel behoort.
L. C. 9-3-1782
Dr. J. Mebius, secretaris van Menaldumadeel, zal op Maandag den 11de Maart 1782 op 10 uur voor Noen, ten sterfhuize van Taeke Jans (Kats) weduwe te BERLIKUM by roerend goed verkopen : Imboedel en Huiscieraden, een bed met zijn toebehoren, een Wekker, Kast, Teekast, vervolgens Koper, Tin en Yzerwerk, en wat meer te voorschijn zal worden gehaald.
Nammen fan (eardere) Staten en Saten yn en om BERLTSUM hinne neamd,
Dat binne : Adeelen, Amkama, Bonga, Broechtsma, Easterwâl (Oosterwal), Eisinga, Hemmema, Heerema, Kleingeest, Latsma, (Latzema) Mearsma (*Marsma) t. o. de Wettertún, Maerstra (Meerstra), yn it Kleaster Anjum û.d. Menaam), de Magere Weyde yn it Kleaster, Schellingwou oan de Jetskereed.
(* Merskenlân of Marslân is leech en drassich lân)
NOCH EAT OER DE IERDSKODDING OP 1 NOVIMBER 1755
earder yn dit e-book neamd. Matich-ferljochten hâlden op grûn fan (* fisicoteologyske oertsjoegingen rekken mei in ein oan de wrâld wêryn’t natoerkrêften as ierdskoddings, botsende himellichems en kometen in trochslachjowende rol ferfolje soene. Hoe breed dizze ideeën wiene blyk ein 1755 nei de grutte ierdskodding fan Lissabon op 1 novimber 1755, wêrfan de skok oan’t yn Finlân field waard. De skodding duorre tusken 3 ½ en 6 minuten. It wie Allerhilligen en in protte tsjerken sieten grôtfol mei minsken dy’t de dea fûnen ûnder ynstoartsjende ferwulven. Ek oan BERLTSUM is dizze ierdskodding net ûnmurken foarby gien. Yn it doarp Anjum (East-Dongeradiel), hjir yn dit e-book neamd, bin ik hjiroer wol wat te witten kommen, en oer Hallum, mar fan BERLTSUM totaal neat. Yn de Nederlânske Jierboeken waard gewach makke fan, “eene buitengewoone Aerd-en Waterbevinge” waardoor IN HET GEHELE LAND vaartuigen waren losgeslagen en kroonluchters in kerken slingerje giene. De ljouwerter lútherske dûmny Johan Muller (1729-1778) liet mei trije publikaasjes hjiroer fan him hearre. Dat foel sa yn de smaak dat binnen in moanne al de tredde printinge oankundige wurde koe. Yn jannewaris 1756 waard fan de grifformearde kânsel yn Ljouwert waarskôge tsjin “de falske profeet”. In moanne letter betsjûge de grifformearde dûmny Cornelis Blom, dat ierdskoddings fan alle tiden wiene en pas op in eintiid wizen as se harren foardiene yn kombinaasje mei oare foartekens, as fertsjustering fan de sinne en moanne en stjerren dy’t út de himel falle.
It wie ien fan de meast ferneatigjende ierdskoddings yn de Jeropeeske skiednis. Der kamen tûzenen minsken om. De weropbou fan Lissabon ferge in protte ynspanning. Mei hjirtroch kaam der in ein oan de koloaniale aspiraasjes fan Portugal. De ierdskodding hie nei alle gedachten in sterkte fan njoggen op de skaal fan Richter. Soe it oerhingjen fan de swiere Berltsumer stiennen tsjerketoer fan de eardere Michaëlstjerke nei it noarden ta hjir miskien in gefolch fan west ha ? , wa wit. De toer fan Hallum is yn 1804 ynstoarten mei itselde gefolch ?
(* De opfetting dat it wurd fan God him, behalve yn de Bibel, ek iepenbieret yn de natoer.
EISE EISINGA KONTRA DS. EELCO ALTA
Sa jage ek de Fryske 18de ieuske dûmny en patriot Eelco Alta (1723-1798) syn provînsjegenoaten de stûpen op it liif. Hy die yn 1774 de foarsizzing dat de ierde fergean soe op 8-5-1774. De planeten Mars, Venus, Mercurius, Jupiter en de moanne soene dy dei sa ticht byinoar komme, dat de ierde út syn baan lútsen wurde soe en fer- brâne. Syn tsjinpoal wie de Frjentsjerter wolkjimmer en stjerrekenner Eise Eisinga (1744-1828). Hy rekkene foar dat Alta ûnsin ferkocht en woe dat de minsken sjen litte. Hy konstruearre dêrom in planetarium yn syn hûs. It naam sân jier yn beslach en wie yn 1781 klear. Sûnt dy tiid draaien dêr de yn syn tiid bekende planeten minu- sjeus harren banen yn it sinnestelsel. In wûnder fan presizens en fernimstigens.
IK HA SKJIN MYN NOCHT
Dûmny hâlde ris in serie preken oer de bou fan de timpel. Neidat hy dêr trije wiken lang oer preke hie, kaam hy nei de tsjinst in gemeentelid tsjin dy’t him frege : “Is dat ding hast klear, dûmny, want ik ha skjin myn nocht fan dat ding”.
GOD ZIET ALLES
De jongens giene yn de tún fan de dûmny gauris stiekum appels ploatsjen en der lekker fan te iten. Dûmny fûn dat natuerlik net fijn en naam it beslút in boerd yn de tún te setten mei de tekst : “God ziet alles”. De jongens skreanen dêr ûnder : “Maar hij verraadt ons niet”
POLDERMOUNE
Yn it Kleaster-Anjum hat ek in foar 1832 boude moune stien. It wie in saneamde Spinnekop en hie as eigner in griffier mei de namme Johannes Stienstra. Dizze moune hie in fjouwerkante ûndertoer en it wie in saneamde sitkruier, tsjinjende as poldermoune.
---------------------
DE THÚSKOMST FAN MILITÊREN
út Indonesië, hjir yn dit e-book neamd, is foar in protte neibesteanden noch altiten in gefoelich punt. Fan stresstoarnissen hie noch nimmen heard. De gefolgen wienen grut. In protte Ynjegongers fielden harren jierrenlang net begrepen, wrakselden mei swiere trauma’s en hienen grutte oanpassingsproblemen. Tsjint- wurdich kinne feteranen wol op in fangnet rekkenje. Troch skea en skande hawwe wy leard hoe harren te beglieden. By harren weromkomst út Ynje krigen se in lunchpakket en in sinasappel, dat wie dan ek alles. Ek de KNIL militairen binne hjir yn Nederlân net altyd goed behannele. Folle waerdearring wie der ek net. Hoe dit mei de weromkearjende Berltsumers west hat, ha ik net bemerke kinnen. Willem Klazes Pranger hie in skroeiflek op it boarst, fertelde hy my. As er in sekonde letter west hie, hie hy de kûgel troch it lichem krigen en wie hy net weromkommen út it “fiere easten”. Ek Berltsumers binne yn Ynje sneuvele.
***********************************************
SELS OAN’t BERLTSUM TA BEYNFLOEDE
Petrus de Groot, de soan fan Cornelis Philippus de Groot en Geertruida Hofstede, letter bekend wurden as Petrus Hofstede de Groot, omdat hy de efternamme Hofstede fan syn mem yn syn efternamme mei foaroan setten hie, wie tige bekend wurden yn de tsjerke. Hy kaam út in úterst ortodoks miljeu. Nei it ferstjerren fan syn jongste suske, Ignatia Maria (Igny) de Groot, dy’t him tige nei wie, is hy ta oare ynsichten kommen as teolooch. Dit suske hie it tige swier hân om ta belidenis te kommen omdat hja ûnwis wie fan harren behâld en harren tige sûndich fielde en ek by harren ferstjerren dêrnei op 10 septimber 1822, De saneamde “útkarring” (de lear fan de “uitverkiezing” of ek wol de “predestinatie” neamd), dêr hie hja it tige mei te krijen. Hie God har wol útkard ? Dit hat it teologysk tinken fan Petrus Hofstede de Groot tige beynfloede en wie tige troch dit ferstjerren fan syn suster rekke. De teology stúdzje yn Grins koe him gjin treast jaan. Sa skriuw hy destiids : “Met name de leer van de uitverkiezing werd voor mij een struikelblok”. Dêr hie hy sels ek tige mei wraksele. De teologystúdzje krige foar Petrus Hofstede de Groot in hiel oare betsjutting. Syn ûndersyk startte mei twivel oan de betrouberens fan Gods Wurd en de Reformearre Belidenis, net foarneat kaam hy ta oare teologyske stânpunten. Petrus Hofstede de Groot wie noch gjin 30 jier doe’t hy professor waard yn Grins. Hy lei tegearre mei syn kollega’s J, F, van Oordt en C. L. Pareau de grûnslach foar in nije teologyske streaming dy’t bekend wurde soe as de “Grinzer Rjochting”. Yn Grins sels sprieken de Grinzers leaver fan Evangelyske of Nederlânske teologen. Hofstede de Groot wie hjirfan desennia lang de ûnbestriden lieder. Yn de ûntwikkeling fan syn teology kaam Hofstede de Groot ta oare konklúsjes nei syn ortodokse opfieding sa’t dy kenber binne yn de brieven oan syn jongste suster Igny. Jezus funksjonearre yn de Grinzer teology mear as in etysk foarbyld dan as in Ferlosser fan sûnden. It folslein meitsjen fan de minsk wie it doel, wilens it yn de Bibel giet oer de ferlossing. It frije karren fan de minsk stie sintraal. De útferkiezing (prédestinaasje ) dy’t yn de wrakselingen fan syn suster Igny in grutte rol spylden waard troch Hofstede de Groot ûntkend. Ek klassike kristlike dogma’s as de “trije ienheid” en de “twa natue- renlear” fan Kristus waarden ôfwezen. Ek fan de “Dordtse Learrigels” woe hy neat mear witte. Hofstede de Groot baande mei syn teology de wei foar de lettere frijsinnigens yn de Nederlânsk Herfoarme tsjerke. In protte fan syn folgers waarden waarme “folksopfierders”. De Berltsumer dûmnys Gerhard van der Tuuk, Martinus de Boer en dêrnei de noch frijsinniger dûmny Jan Imbertus Swijghuisen-Reigersberg wiene hjir yn ûnderwezen en woene hjir dan ek yn tsjerke foargean as folksopfierders. Hja hearden de oan harren tafertroude “keppel skiep” dêryn te ûnderwizen. Wér’t sûnde en genede ferdwûnen út de preek bliuw humanisme oer. De tsjerke skiednis hat leard dat dit de foarrinner wie fan it leechrinnen fan de tsjerken. Sa is dat ek yn BERLTSUM gien. De frijsin- nichheid hie hjir sa ek syn yntree dien. Dûmny Hendrik de Cock út Ulrum wie in stúdzjegenoat fan de bruorren Petrus Hofstede de Groot en Albertus de bruorren fan neamde Igny de Groot. Hy kaam as dûmny ek ta feroa- ring, mar dan krekt oarsom. Kontakten mei ienfâldige gemeenteleden wiene hjir debet oan. De “Dordtse Lear- rigels”, wêr’t Hofstede de Groot neat mear fan witte woe waarden De Cock, as opfolger fan Petrus Hofstede de Groot, yn Ulrum dierber. Hy krige hjir yn BERLTSUM ek folgelingen dy’t yn Bitgum nei tsjerke giene yn de dêr troch syn folgelingen sûnt 1834 stifte Ôfskieden tsjerke (sûnt 1869 de Kristlik grifformearde tsjerken neamd) oan de Berltsumerdyk. Noch wer letter stiften de folgelingen fan dr. Abraham Kuyper, (ek bekeard fan frijsin- nich nei rjochtsinnich, troch ien fan syn tsjerkegongers t. w. frou Pietje Baltus, nei oanlieding fan de petearen mei harren. Hja wiisde him op syn healslachtige preken, heal modern, heal ortodoks) , hjir in “Dolearjende” tsjerke oan de Wiersterdyk, letter bekend as de Grifformearde tsjerke. Troch it lêzen fan de skriften fan Johan- nes Calvijn, mei namme De Institutie, kaam hy ta bekearing. BERLTSUM wie tige ferdield : Herfoarmden, Ôfskiedenen, Grifformearden, Doopsgesinden en net-tsjerkliken. “Grouwen” en “finen” . Net te begripen ! Trije skoallen, twa doarpsfeesten, twa gymnastyk ferienings, twa keatsferienings, twa muzykkorpsen, twa arbeiders- bûnen en gean sa mar troch. Wat hat it oplevere ? Neat, mar dan ek neat ! Oh, dy Berltsumers, fan doe !
TERP ÔFGRAVINGEN
Yn de twadde helte fan de 19de ieu waarden in protte terpen gehiel of foar in diel ôfgroeven. Menameradiel wie de earste gemeente mei in feroardering (1907) tsjin dizze foarm fan grûnpiraterij. De oanlieding foarme it ôfgraven fan de terp fan Deinum. Jammer dat de terp fan it eardere KLEASTER ANJUM doe al ôfgroeven wie.
WETTERSKIPPEN
Yn 1868 binne twa seewearjende wetterskippen oprjochte, de Vijfdelen Buitendijks en de Vijfdelen Binnendijks Menameradiel foel yn it gebiet fan de Vijfdelen Binnendijks. Sûnt 1978 binne dizze wetterskippen yn it seewear jend wetterskip “Fryslân” ûnderbrocht. BERLTSUM hat ek in wetterskipsgebou hân steande by de brêge oer de Menamerfeart, steande op it plak fan it eardere Kafee “De Brug”. Yn dit gebou sitte no 4 apparteminten bestimd as wenhûs.
IT LJOUWERTER FLEANFJILD
is yn 1938 yn gebrûk naam as boargerfleanfjild. Dêr is troch de Dútsers in folle grutter útwreiden militêr fleanfjild fan makke. Nei de oarloch waard it opnommen yn it ynlânske loftnet fan de K.L.M. Yn 1953 is it wer in militêr fleanfjild wurden. It is yn BERLTSUM sels te hearren mei in protte lûd fan de strieljagers.
NOCH EAT OER MITTERREITER
Yn dit e-book neamd, as de yn 1780 bouwer fan it oargel yn de Koepeltsjerke fan BERLTSUM’
Van de Leidense oargelbouwer Mitterreiter (1733-1800) zijn ongeveer een veertigtal orgels bewaard gebleven. De Mitterreiter in Steenderen is begin jaren 70 gerestaureerd en daarbij (lykas yn BERLTSUM) gebracht naar de staat van het bouwjaar 1780 met behoud van oudere orgelpijpen van omstreeks 1710. Kortom, dit is een mooi orgel. Volgens mij valt dit gewoon onder Monumentenzorg.
Bob Uscher, Sassenheim. (De skriuwer is ôfkomstich fan Leien.)
IT BERLTSUMER GIELTSJE
Bintsje, Borger en Obama : elts jirpelras is ea ûntwikkeld. Sa ek it Berltsumer gieltsje. In protte hobbykwekers hawwe nije jirpelrassen ûntwikkele. Elts jirpelras wie earder in nûmer, in kloon, wêrmei jierren eksperimen- tearre waard. In jirpel dy’t ferwurke wurdt ta patat moat in oare foarm hawwe dan ien wêr’t chips fan makke wurdt. Wrâldwiid binne der mear as 5000 jirpelrassen, wêrfan inkelde hûnderten ek werklik teelt wurde. Nammen as Irene (út 1953), Biltstar (1981) en de Frieslander (1988) binne by in protte minsken bekend, mar der komme elts jier nije rassen by. Yn 2011 waard bygelyks Obama op de rassenlist opnommen. De jirpelfer- edeling is in sektor dy’t altiden yn beweging is. It neist bêste dwaan is de hybride feredeling. Sa kinne jirpel- rassen mei nije eigenskippen kweekt wurde. In ras dat resistent is tsjin bepaalde sykten wêrtroch minder bestridingsmiddels nedich binne. Hybride rassen wurde dan fermeardere fia botanysk sied yn sté fan fia knollen. Yn it ferline kamen in protte minsken om fan de honger fanwege de jirpelsykten, sels yn ús omkriten en in protte fergif kaam yn de sleatten teloane. Lokkich in hiele ferbettering hjoed de dei. It al earder kweekte Berltsumer gieltsje wurdt no ek wer opnij promoate en wer op de merk brocht troch de túnkerssibbe Foppe Klazes Smits út Berltsum.
IT EARDERE BERLTSUMER JISKELÂN
lei oan de Kleasterdyk by de Frjentsjerter feart lâns. Elts doarp hie sa syn eigen jiskelân. Dat fan Sint Anne lei sawat healwei oan de Hemmemawei. Dat fan Menaam sawat deun foar Menaam oan de âlde Berltsumerdyk. De Berltsumer jiskepream lei oan it Dok en brocht dit hjirhinne. Ek oar ôffal waard der hinne brocht. Wy as boikes fûnen it geweldich om dêr te wêzen en rûn te strúnen. Dêr baarnde altiten fjoer en der wiene soms ek leuke dingen te finen. Sa bin ik ris thúskommen mei in âlde koperen oaljelamp, sels it glês wie noch heel. It waard by ús thús brûkt as de stroom útfoel en wy werris sûnder elektrysk ljocht sieten. Dat barde yn dy tiid wit hoefaak yn it doarp. De namme “hel” komt oarspronklik ek fan sa’n stik lân. Der baarnde altiten fjoer om it ôffal te ferbrânen. Sa waard earder bûten de muorren fan Jeruzalem, yn it dal Gehinnom (Gehenna), ek al alle ôffal oer de stedsmuorre smiten om ferbaarnd te wurde. Yn de Bibel is dit wurd “Gehenna” oerset mei “hel”. Guon minsken waarden yn de Bibel dan ek wol ferlike mei dit ôffal. Minsken dy’t te missen wiene yn de Joadske maatskippij omdat se nearne mear foar doogden, krekt as ôffal. In skoarstienmantel waard destiids ek wol in “helmantel” neamd.
De hel is gjin oardiel fan God oer de minske mar in frije kar fan de minske om tsjin Gods wollen yn te gean en sa net oan Syn doel te beantwurdzjen. It wurd “sûnde” betsjut yn de Bibel “it doel misse” wêr’t wy foar makke binne.
OP KLOMPEN
Simpe sampe sompe, Hannes loopt op klompe
(berne lietsje)
Doe’t ik jong wie rûnen de measte minsken hjir yn it doarp op klompen. As it reinde giene fakentiden de learzen oan. Ate Westra hie in klompewinkel oan it Hemmemaplein en widdo Klaasje Zijlstra – Osinga hie harren winkel yn de Buorren. No ferkeapet “Agra-Totaal” yn de Bûterhoeke noch klompen. Ate Westra hie in tige grutte klomp oan de bûtenmuorre hingjen. Men hie kapklompen en tripklompen, ferve en net ferve klompen yn ferskate houtsoarten te keap. Op snein waarden de sneinske skuon oandien. De nije klompen waarden meastal fan ûnderen bespikere mei stikjes lear en de kap waard mei kramtried befeilige, sa dat de klompen langer mei koene. Yn skoalle stie yn de gong in klompebak wêr’t de klompen yn koene. By in protte hûzen stiene, as it itenstiid wie, hiel wat klompen by de efterdoar. Om de sokken foar slitaazje te sparjen wiene der de learen klompsokken. Men koe de op klompen rinnende persoanen, by it draafjen, al fan fierren oankommen heare, foaral yn de Buorren klonk dat fier. De klompen waarden ek wol “skerjontsjes” neamd nei klompmakker Skerjon út de Fryske Wâlden. Dizze sibbe komt oarspronklik út Frankryk. Yn de stêd seach men net folle minsken op klompen rinne. Op Freed, op de feemerke en dan ek yn de stêd seach men wol in protte bûtenlju op klompen rinne.
STRJITNAMMEN
Guon strjitnammen hjir binne neamd nei persoanen dy’t wichtich west binne foar BERLTSUM en somtiden ek fierder yn de maatskippij. Sa binne hjir yn it doarp de Jacob van Tuinenstrjitte, de G. L. Boomsmastrjitte, de ds. H. Van Eyck van Heslingastrjitte en de K. J. van den Akkerstrjitte, de Jan Groenewoldwei, de Ir. C.M. van der Slikkeleane, De Lieuwe Minnes Kuperusstrjitte is neamd nei de eigner fan dit eardere stik boulân wat by de ferkeap hjirfan min of mear ôftwongen waard, It Sybren Lautenbach doarpsplein is neamd nei de eardere Berltsumer fersetstrider Sybren Tjeerds Lautenbach. Strjitnammen wurde allinne nei ferstoarne persoanen neamd,
FLECHTLINGEN
Nederlân wurdt hjoed de dei oerspyld mei flechtlingen. Neist de gastarbeiders binne dy hjir yn BERLTSUM ek hieltiten mear en mear te sjen. Minsken mei in donkere (donkerder) hûdskleur en froulju mei holledoekjes om. Hja wurde hjir yn BERLTSUM lokkich goed opfongen en de bern passe harren al rillegau oan, foaral troch de beide basisskoallen hjir. Sa is keninginne Wilhelmina ek in flechtling west yn de Twadde Wrâldoarloch en socht fanôf 13-5-1940 harren ferbleau yn Ingelân. It wie as ienling in tige bedoarn persoan. Sa woe se foar de oarloch gjin Joadsk flechtlingen kamp neist harren paleis hawwe op it Loo by Apeldoorn. Hja moast dus letter wol witte wat it is om flechtling te wêzen. Mar, nee hear, neat dêrfan ! It wie net in maklik minske om mei om te gean. Se wie tige bemuoisuchtich en neargeastich, ek tsjinoer harren personiel. Se moast dus better witte hoe it is om flechtling te wêzen. Lokkich hawwe wy no yn 2023 al wer 10 jier kening (Willem) en keninginne (Maxima) dy’t hjir gâns oars tsjinoer steane. Tolerânsje is in goed ding, ek hjir yn BERLTSUM. Dit jild foar heech en leech !
SINTERKLAAS YN BERLTSUM
Sinterklaas komt altiten op de Tichelaarsdyk oan yn BERLTSUM. It Sinterklaasfeest wurdt organisearre troch jeugdsoos “It Piipskoft”. Dêrnei giet de sinterklaasoptocht it doarp troch mei it muzykkorps foarop. De swarte Piten struie mei pipernúten yn it rûn of triuwe aldûnsjende de bern de hannen dêrmei fol. Op in protte stêden en doarpen is opskuor ûntstien oer de swarte Pieten. De demonstranten giene it paad op ûnder de namme “Kick Out Zwarte Piet” ((KOZP). Dizze Piten soene de diskriminaasje befoarderje fan de swarte lju, de negroïde minsken. Inkelde folwoeksene figueren yn ús lân hawwe de saak tige yn opskuor brocht oer in probleem wêr’t net in inkeld bern yn Nederlân oer prakkesearje soe. Koart sein : lyts minsklik gedrach. In protte fan harren kinne de hannen net thús hâlde en komme bedrigjend oer.
It swart wêzen fan de Piten wurdt taskood op it ruot fan de skoarstien en wiist totaal net nei swarte minsken. Der is ek noch in oar ferhaal. De feinten fan Sinterklaas, dat binne de troch de roomske fjildhear Karel Martel by Portiers yn 732 oerwûne Moaren. (de yn noard Afrika wenjende folken) as bgl. de Berbers en Arabieren en in protte oare folken dêr. Dizze Islamityske Moaren, ek wol Sarasenen neamd, hiene súd Spanje beset en trieken dêrnei op nei it noarden fan Jeropa. In protte seefarrenden, wêrûnder Nederlanners waarden troch harren op de Middellânske see kaapt en as slaven tewurk steld yn harren gebieten. Yn Nederlân wiene destiids fûnsen oprjochte (yn Zierikzee om 1735 hinne) om dizze dêr troch harren ta slaaf makke Nederlanners wer frij te keapjen. De Roomske biskop Sinterklaas (û.o. de beskermhillige fan de bern) wie yn it roomske Spanje it symboal fan de oerwinning op de Islaam. (de Islamityske Moaren). De Moaren rûnen yn pikswarte klean en dizze beneaming pikswart is letter oergien op de blanke hûdskleur fan harren. It negroïde (swart) wêzen hat hjir dus neat mei te krijen. Ek net it slaaf wêzen fan de fan natuere negroïde minsken, de negers yn lettere tiden. It wiene de troch de Moaren ta slaaf makke seefarrende blanken dy’t dit slavenjuk ûndergean moasten. It hat mei de Nederlânske slavenhannel sûnt 1636 dan ek neat te krijen. Lannen as bygelyks Switserlân (dy’t nea oan slavenhannel dien hawwe) hawwe ek in soarte fan Sinterklaas feest en der is ek in sa neamde Santa Claus yn ingelstalige gebieten. In protte Moarekoppen steane foaral yn famylje- en stedswapens fan lannen dy ‘t oan of nei oan de Middellânske see lizze. Ûndogenske bern waarden yn it ferline bang makke om yn de sek fan Sinterklaas (troch de oerwûne Moaren, de swarte Piten) nei Spanje brocht te wurden. Yn BERLTSUM is in (blyndoekte) Moarekop te sjen op ien fan de efterste hearebanken yn de Koepeltsjerke. De van Gelders en de Roorda’s hawwe sa’n Moarekop yn harren wapen stean. It Roorda Moarenkopwapen wie bûten op it tsjerkehôf net blyndoeke. Der waard wol sein : “Yn de tsjerke moasten se blyndoeke wurde want Islamiten meie net yn de kristlike tsjerke rûnsjen. Sinterklaas hat dus NEAT mar dan ek neat mei diskriminaasje fan negroïde minsken te krijen. Nochterne Berltsumers sille harren dan ek net drok meitsje oer swart- of ruotsminkte Piten, tink ik. De lytse bern alhielendal net !
Om rasisme tsjin te gean wurde moarkoppen no ek sûnt 30-3-2020 chocobollen neamd. Negerzoenen binne no chocozoenen. Guon minsken mei Zwart / Swart/ de Zwart as efternamme, kin dat noch ? It kin ek te fier gean.
DE CHANOEKA
Chanoeka betsjut “ynwijd”. Noch eat oer de grutste yn 2013 yn BERLTSUM boude Menoara fan de wrâld. (sjoch by Chanoeka yn dit e-book). De earste troch kening Salomo te Jeruzalem boude timpel waard troch de Babyloaniërs ferwoastige en de Joaden nei BABEL fuortfierd, mar nei 70 jier mochten hja wer nei hûs. Yn it dêrnei opkommende grutte Perzenryk hearske der in folle liberaler godstsjinstpolityk. Alexander de Grutte kaam oan de macht, mar waard net âlder as 33 jier. Hy stifte in wrâldryk oan’t de rivier de Indus yn (no) Pakistan. Syn ryk foel útinoar en der ûntstiene twa machtssintra, t. w. Egypte en Syrië. En de Joaden (Juda) sieten klam tusken dy twa. Foaral de Syriërs wiene de Joaden ta lêst. Ien fan de Syryske keningen, t w. Antiochus IV Epifanes, liet in alter foar de Syryske god Zeus pleatse yn de dêrnei nij boude (twadde) timpel yn Jeruzalem. Der waard in (foar de Joden ûnreine) baarch (* slachte en offere. Slimmer koe it hast net. De woede liedde ta in grut opskuor tusken 168 en 165 foar Kristus û. l. f. de Joadske preester Matthias en syn soan Judas. Se fochten ek tsjin de grykske ynfloeden. Hja waarden “makabi” neamd, in wurd foar wierskynlik “slachhammer”. Hja binne as Makkabeërs de skiednis yngien en weroverden yn 164 foar Kristus lân en timpel. Dizze moast dêrnei djipgeand reinige wurde. Dat jilde ek foar de Menoara, de lamp dy’t yn it hillige part fan de timpel stiet. Alles moast opnij ynwijd wurde. Mar der wie amper koosjere (wijde) oalje te finen, net mear as in inkeld krûkje. Doe barde der in wûnder. It sykjen nei en it meitsjen fan koosjere oalje duorre 8 dagen, mar al dy tiid bleau de lamp brânende op dat iene krûkje. Dit is de eftergrûn fan it ljochtfeest Chanoeka. Yn it donkere part fan de timpel wie God sels it ljocht. Elts Joadsk gesin hat ien of mear Chanoekalampen dy’t 8 ljochtpunten hawwe (en ien ekstra kearske (de sjammasj) om de oaren oan te stekken yn it midden). Alle dagen wurdt dan de jûns in kearske oanstutsen. De brûklike lamp is in staaf mei oan beide siden 4 earmen, de “menoara chanoekia”. Chanoeka stiet dus foar útdijend ljocht. Dy grutte troch Klaas Johs. Zijlstra hjir yn BERLTSUM boude Kandler (Menoara) hat dêrnei fanút BERLTSUM noch op ferskate plakken yn Nederlân stien. De 12 meter hege Menoara stiet no sûnt 17-12-2019 definityf yn de stêd Siderot yn in nijboude wyk nei oan de Gaza strip. Dizze is bedoeld as in sichtber teken fan freonskip tusken Nederlânske kristenen en Israël. De Menoara hat 7 kearsen en ferbyldzje de 7 geas- ten fan God. (God is ljocht).“Menoara” betsjut : lamp en “Chanoeka” : feest fan it ljocht. Ik ha thús in Chanoeke op de skoarstienmantel yn de grutte keamer stean, yn Israël kocht doe’t ik dêr mei myn gesin yn maaie 1996 15 dagen fekânsje fierde en yn Israël rûnreisge..
(* Antochius Epifanus, heersker út in restant fan it eardere Gryksk-Maçedoanyske ryk, hie in byld fan himsels yn de Timpel sette litten wêr’t de Joaden twongen waarden him (foar de Joaden) ûnreine bargen te offerjen. Ek wie it de Griken in gruwel dat Joadske jongens besnieën waarden, dit wie yn harren eagen it skeinen fan it mannelichem wat troch harren yn de Grykske godtsjinst tige ferhearlike waard. As se dêrefter kamen waarden de Joadske âlders fermoarde en de bern yn hûs ophongen. Sa binne der in protte Joaden om it libben kaam.
Yn ús tiid fine wy sa begelyks de frouljus besnijenis ôfgryslik wat no noch op somlike plakken plakfynt yn lannen yn Afrika.
-----------------------------------------------------------------------------------------------------------
BERNE YN 1945
Ik bin in “oerlibber”. Sjoch ris nei de feroarings dy’t ik meimakke ha. Wy waarden berne yn 1945. De Tillevysje, peniciline, polioprikken, djipfriesfiedsel, kopiëarapparaten, plastic, kontaktlinzen en foaral net te ferjitten de pil. Wat wist ik fan cryptomunten, de euro. Wy ferloofden, trouden earst en wennen dan tegearre. Oh, ..... wat âlderwetsk. Wy waarden berne foardat der húsmannen wiene, de froulju bûten hûs wurken, de drones, bitcoins, dvd, t.v. internet, tabloids, kompjûters, kompjûterspultsjes en twillingbanen, groepsterapy en foardat de earste minske op de moanne rûn. Wat wist ik fan Microsoft. Yn ús jeugd wiene kevers ynsekten en gjin folksweinen. In ûntstekking hie noch nea te krijen mei elektroanika. Wy hiene nea heard fan : Musikals, CD, FM radio, CNN, Fideo, Magnetrons, Airfryers, Smartwatchers, drones, Vr-brillen, Bloc chains, Triedleaze tillefoans, E-maile, Chatte en Appe, Elektryske fietsen, Biogarde, Emulgatoaren en jonges mei earringen. Hippies, Dinks en Bom- froulju. Wy wiene der foar de A27, E9, de GTV en de Oecumene. Foar de AOW, WAO, WW, WAJONG of de VUT. Doe betsjutte made in Japan neimakke, dus rotsooi. En made yn Germany stie foar kwaliteit. No ..... Dat hawwe wy witten. Wy hiene nea heard fan Pizza’s, Mac Donald en Ynstânkofje. Yn ús tiid betsjutte HEMA ..... Hollandse Eenheidsprijzen Magazijn. In bûshorloazje kostte dêr ien gûne, ysko’s 3-5 of 10 sinten. In brief koe men foar 7 ½ sint ferstjoere. In nije auto kostte 2000 gûne. Benzine amper 10 sinten de liter, mar hast net ien koe dat betelje en yn dy tiid wie smoke chic en ynterressant. In pot wie om yn te kôkjen. Aids wie it Ingelske wurd foar helpe. In relaasje hie mei saken te krijen, net mei in bêd. LAT en LAST relaasjes kenden wy net. De kleur rôze hie mei babys te krijen en homo betsjutte minske. Wy wisten it ûnderskie tusken de seksen mar foar it feroarjen fan seksen hiene wy gjin besef. Wy moasten it dwaan mei wat wy hiene......... of wiene. Wy binne de lêste generaasje dy’t noch tocht, dat der in man bykomme moast om bern te krijen. Gjin wûnder dat wy soms sa yn de war binne en dat der in generaasjekleau is. MAR IK HA IT OERLIBBE !!!!. Reden genoch om dit deistich te fieren. Wol dûkt by my somtiden faak it dizige skrikbyld op fan nepnijs en fan kompjûtersystemen mei minsklike eigenskippen (keunstmjittige yntelligjinsje) dy’t de echte minsk oermânsk wurd. Se kinne ús oerhearskje en yn besit nimme !
KEUNSTMJITTIGE YNTELLIGINSJE (AI)
Ik ha it begjin fan it kompjûter tiidrek noch meimakke en it yn it lêstoan troch de praktyk op myn wurk noch leare moatten. Wat wist ik fan techreuzen as Amazon, Google, Microsoft en Meta. Pinne en papier moasten romte meitsje foar de kompjûter, in fenomeen wat my tige ûnbekend wie. It wie earst wol tige wenne om mei sa’n apparaat te wurkjen. Mar alles went. Ik hie lokkich 2 typdiploma’s, dat wie in gelok. No steane der sels twa e-books fan my op de kompjûter w, û. dit e-book : “Oh dy Berltsumers fan doe”en it book “BERLTSUM boppe, BERLIKUM yn de groppe”. Wa hie dat ea tinke kinnen. Mar wy binne der noch net. No is Arteficial Intelliginsje (AI) yn opkomst. As ik op reis wol, typ ik gewoan yn : 16 juny 2023, siinnige súden, maksimaal 10 oeren mei de auto, 4-stjerre hotel mei swimbad, sûvenierwinkel en wynpriuwerij, en sjoch dêr ! Binnen luttele sekonden stiet alles op in rigeltsje. Net te leauwen !. It hat de maatskippij tige beynfloede en is net mear fuort te tinken. It waarberjocht, myn banksaken, it Berltsumer nijs en neam mar op, ik kin my der lokkich no goed mei rêde. Ik gean (al is it twongen) mei de tiid mei. It kin ek net tsjinhâlden wurde, wy kinne der no gewoan net mear sûn- der libje. Sa giet it mei in protte dingen yn de maatskippij. Ik ha nea tinke kinnen dat ik dit noch meimeitsje soe.
STOVEN
Om sneins mei waarme fuotten yn tsjerke sitten te kinnen waarden tsjerkestoven brûkt. Neidat Pieter Lolkes Lolkema de lytse konsistoarje yn 1924 tsjin de Koepeltsjerke oanboud hie mei dêrûnder de grutte ferwaar- mingstsjettel om de tsjerke alhiel mei buizen te ferwaarmjen, wiene de tsjerkestoven net mear nedich en waarden dizze stoven by him boppe op de souder fan de timmerwinkel oan de Terp brocht. Ûnder dizze stoven siet ek in grutte fjouwerkante stoof mei dêrop in izeren deksel. Dizze stoof hat yn de preekstoel stien om dûmny syn fuotten te ferwaarmjen. Yn de stoven siet in saneamde têst, in stiennen pôt dy’t fjoer joech troch dizze mei turf te follen en te befjoerjen. As turfhok tsjinne de Noardportyk fan de tsjerke (wêryn ek de opgong nei it oargel sit.) De stovesetter/setster sette foar de tsjerketsjinst de stoven alfêst klear foar dejingen dy’t harren dêrfoar betellen. De stovesetter /setster waard streekrjocht troch de brûker/ster betelle en hja waarden net ta de tsjerklik beämten rekkene dy troch de tsjerke betelle waarden. In protte, faak griene têsten, waarden letter fakentiden ek wol brûkt foar blommen yn it finsterbank.
STOEPEPEALLEN
De yngong fan it Stedhûs wurdt no markearre mei in hiel âlde stoepepeal. Dizze stoepepeal is al hiel lang yn BERLTSUM te sjen en hat nei alle gedachten al ferskate funksjes hân. Yn it lêstoan fungearre hy as wriuwpeal foar it fee yn in greide oan de Wiersterdyk. Hy drige te ferdwinen en nei wat omdoarmjen is dizze skonken oan de âldheidskeamer “de Grúsert”. Hy hat no in fêst plak krigen by it Stedhûs wêr’t ek it doarpsargyf fan “de Grúsert” ûnderbrocht is. Yn Fryslân stiene op in protte plakken sa’n peal yn de stêden en de gruttere plakken. De bewenners fan in hûs, faak steande op de roailine, krigen it rjocht fan gebrûk fan in part fan de strjitte foar harren hûs lâns. Men mocht ek in part ferhurdzje as de wei net ferhurde wie. Sa ûntstiene stoepen. Yn BERLTSUM is dat noch moai te sjen op âlde doarpsfoto’s. In elts hie syn kenbere stoepe, de iene stoepe wat heger, de oare wer wat leger en soms ek ôfbakene mei izeren stekjes. It wie beslist net in trottoar de dyk bylâns om fijn op te rinnen. Op dy stoepen barde fan alles. Der waarden spullen ferkocht en men koe der ek sitte. De stiennen markearden de hoeke-einen. Wy hawwe it hjir oer de 15e begjin de 19de ieuw yn BERLTSUM. Se hawwe allegear de foarm dy’t werom te fieren binne op de Ljouwerter Vredeman de Vries (1527-1607), in tige ferneamd keunstner út de perioade fan de Renessânse. Boppe op de stien koe in sibbewapen oanbrocht wurde, mar ek in jiertal. De peallen waarden soms mei izeren of houten peallen ferbûn mei de muorre fan it hûs en der waard ek wol in bankje op setten. Somtiden waarden dizze peallen ek wol as grînspeallen yn it frije fjild oanbrocht en by de grînzen op seedykfakken foar it ûnderhâld . Yn de greide steande peallen hawwe gjin oare funksje mear as wriuwpeallen foar it fee. Lânadel as de sibbe Hemmema, dy’t wenne hat op Hemmema State, brûkten de grinspeallen as foar harren besit. Se kamen faak yn musea teloane en waarden ek wol brûkt as grêfstien. De Berltsumer stoepepeal mist it ûnderste part fan de stien. De stien datearret út de perioade dat BERLTSUM in begjin fan stedsrjochten hie. Wy witte net oft de Hemmema’s of in gewoane Berltsumer de stien brûkt hat. Mar as oantsjutting fan gearkomsten is der gjin better plak te betinken dan by it nije doarpshûs. Ik tink sels dat dizze grinspeal wolris funksjonearre kinnen hat as grinspeal fan de eardere saneamde “Nije Finne”.
HEMSTERHUIS
Antje Jans Hemsterhuis, destiids wenjende yn it BERLTSUMER KLEASTER wie boaske op 8-6-1646 foar it gerjocht mei de yn 1620 te Kubaard berne Sybolt Hoytes, boer yn de Minnertsgeaster Mieden. Sybolt Hoytes hie in oandiel yn de pleats Hemsterhuys te Jorwert. In telg út de sibbe Hemsterhuis is de tige ferneamde Frans (François) Hemsterhuis (1721 – 1790). Hy waard ek wol de “Fryske Filosoof” neamd. Hy hie û.o. in syklyske opfetting fan de tiid dêr’t ik my net yn fine kin. Dit giet streekrjocht tsjin de bibelske opfetting fan in rjochte tiid line yn, is myn tinken.
JEROPA
Jeropa , ús kontigint, is neamd nei Jeropa, in prinses út de Grykske mytology. Yn in Grykske myte wurdt Zeus, de god fan de himel, fereale op Jeropa. Hy naam harren mei nei it eilân Kreta om by harren te wenjen. Mar ferlit harren wer en giet werom nei de berg Olympus om feest te fieren. Jeropa is no in groep fan lannen wêr’t wy as BERLTSUMERS no ek ta byhearre. In protte Jeropeeske mienskipsregels moatte wy hjir tenei neilibje.
DE KIOSK
fan Johannes Wytzes de Haan stie op it ein fan it Hemmemaplein by de oergong nei de Bitgumerdyk. Hy ferkocht in protte sigaretten, sigaren, tabak en prúmtabak. Hast alle Berltsumer manlju smookten of kôgen op prúmtabak. Dit is ek te sjen op in protte âlde filmkes fan BERLTSUM. Hast alle manlju wiene oan it smoken. Sels foar de klassen waard wol smookt. Sa hie myn learaar ingelsk en frânsk, Ulbe van Houten, hast altiten in piip yn de mûle. Hy krige fan ús dan ek de bynamme fan “Smook”. In protte kiosken hiene dêrneist ek wol kranten en nijsblêden te keap. Dat wie hjir net sa.
“VROLIJKE FRANS”
De eardere Berltsumer oargelist fan de Koepeltsjerke en dêrnei Drachtster skoalmaster Ulbe Willems Pranger hat yn gearwurking mei de eardere skoaljuffer Reinie Bouma en dûmny Henk Jan de Groot de musical “Vrolijke Frans” skreaun oer Franciscus van Assisi mei grappen en wiisheden fan dizze midsieuske jongfeint fan rike komôf dy’t de leafde foar de skepping preekte en in eigen Oarder stifte. Oan him hawwe wy ek “dierendei” te tankjen.
NOCH EAT OER DE GRUTTE BOEKEBEAM
dy’t yn de pastorytún stiet, earder neamd yn dit e-book. Dizze is yn 1863 plantte troch Teake Klazes van de Schaaf en dus al hiel âld. Beammen fan hege âlderdom binne yn Nederlân útsûnderingen. De linebeam yn Âldtsjerk is mei dik 350 jier de âldste beam yn Fryslân. Yn Dokkum stiet in swarte moerbeibeam dy’t seker 266 jier âld is en is dêrmei it op twa nei de âldste Fryske beam. De âldste Fryske plantaan is 186 jier en stiet yn Beetstersweach. Yn park Stania state stiet , tinkt men, de âldste simmerikebeam fan Fryslân. De “poppebeam” fan Jobbegea is fan rûn 1775 en nei alle gedachten de âldste boekebeam fan ús provinsje. Dan hat dizze Berlt- sumer boekebeam sûnt no (2024) noch wol 100 jier te gean, tink ik.
De namme “poppebeam” komt fan de lytse poppe (baby), sa’t de bern ferteld waard, dy’t út de “holle beam” wei komt. Ik bin dan ek benijd hoefolle ynwenners BERLTSUM oer 100 jier dan ek wol net ha sil.
BERLTSUMER HUMOR
Brechtsje : “Ik woe dat ik yn de midsieuwen libbe”.
Dieuwke : “ Hoesa ?”
Brechtsje : “Dan hoechde ik op skoalle net sa’n protte skiednis te learen”.
Douwe : (is in wike siik west) “Ha ik in protte mist mei skiednis, master ?”
Master : “Nee hear, mar 500 jier !”
--------------------------------------------------------------------
DE FIEDSELBANK
Op 29-5-2023 waard yn BERLTSUM in dielstasjon (fiedselbank) iepene op de hoeke fan de Appelhof/Beien- hôf/eftertún fan de Opslach 14. Dêr stiet in prachtige foarriedskast. It is it 10de dielstasjon yn de gemeente Waadhoeke. Dit dielstasjon is foar it hiele doarp ornearre. Wa’t boadskippen en iten oer hat kin dat hjir yn in kast lizze en wa’t wat nedich hat kin it hjir wer úthelje. Dus ek no gjin fiedselfergriemerij mear. It is beskamjend dat it safier komme moat nettsjinsteande dat Nederlân in tige ryk lân is. Nederlân is no de 18de ekonomy yn de wrâld en is binnen de Jeropeeske Mienskip, nei Dútslân, Frankryk, Itaalje en Spanje, de 5de grutste ekonomy.
BERLTSUMER MOPPEN
God kuierde nei de skepping oer de wrâld en beseach tige trotsk wat Hy makke hie. Hy kaam yn Dútslân en de Dútsers knibbelden earbiedich foar Him en komplimintearren Him oer Syn kréaasje. Datselde barde yn Egypte en op oare plakken op de wrâld. Ienris stie Hy yn de Hôfsleane. Der kaam in Berltsumer op Him ôf en rôp : “Gean fan myn hiem ôf !”
In Berltsumer foel yn New York fan de toer. Yn it sikehûs freget de dokter : “How doe you feel ? Wêrop de Berltsumer antwurde : “Plat op myn bek !”
PIETER VAN DOKKUMBURG,
berne op 22-1-1737 te Venhuizen en stoarn op 2-5-1811 te Koog aan de Zaan. Hy is de soan fan de Berltsumer Doopsgesinde dûmny Sjoerd Pieters van Dokkumburg. Hy fierde op 15-5-1808 syn 50 jierrich amtsjubileum en stie tige geunstich bekend troch it oplieden fan learaars. Krekt as syn heit behearde hy ta de saneamde Zionis -ten, dy’t harren net ferienigje koene mei it oprjochtsjen fan de kweekskoalle (de Lamisten) en de foarming fan de learaars.
LAUTENBACH
De Lautenbachsibbe komt fan Dútslân. De mem fan Jacobus Lautenbach, troud mei Heinrich Lautenbach, komt fan de stins “Türnich”. (sjoch op GOOGLE). Harren heit wie (greve) Herr von Kerpen, Frechen ûnd Bell. Sjoch hjirnei even fierderop yn dit e-book by Raadsel opgelost.
BLAZOEN KWARTAALBLAD
Voor Heraldiek en Zegelkunde. 6e jaargang maart 2020.
Raadsel opgelost. (Von Hochsteden)
In de Sint Audomar te Frechen (Duitsland) zit een zwaar gehavende grafsteen in de westmuur van de kerk waarop aan beide zijden 2 kleinere wapens zijn aangebracht van de voorouders (de kwartierwapens). Het gaat om het graf van Johann von Lützenradt (Lutzerode) zu Vorst (plm 1546-1588) en zijn vrouw Judith von Selbach en Crottorf (Krotdorf) (1552-23-1-1591). Johann is overleden in 1563. Hierop is ook het wapen van de familie von Hochsteden aangebracht, Heinrich LAUTENBACH was getrouwd met Willemtien von Haes, de dochter van Werner Degenhards von Haes, Herr von Türnich, Frechen, Bell. en Anna von Hochsteden (1490-?) . Dit binne dus ek de ferwanten en de foarâlden fan de Berltsumer Lautenbachs en oare Berltsumers dy’t fan harren ôfstamme . Aardich om te witten. Het wapen von Hochsteden is in zilver 3 blauwe palen en een rood schild- hoofd. Hochsteden, de sibbe fan de mem fan de frou fan Heinrich Lautenbach t. w. Anna von Hochsteden.
In Ridder Wilhelm von Hochsteden waard yn 1366 troch Wenseslaus fan Bohemen, Hartoch fan Luxemburg, Lotharingen, Brabant en Limburg beliend mei it Hartochdom Luxemburg. Syn broer Arnold von Hochsteden hie twa soannen. Al in hiel âlde sibbe, dus.
(Sjoch ek by Willemtie von Haes earder yn dit e-book neamd)
BERLTSUMER BERNEPRAATSJES
Tante komt op besite mei in lytse takomstige Berltsumer yn de bûk. Wimmy (5) is nijsgjirrich en freget : “As tante teedrinkt, wurdt de baby dan net wiet? Hiskje (4) : “Sjoch ris wot ik kin, ik kin mei myn eagen knip- perlampe !” Anna (5) hat krekt leard hoe’t berntsjes makke wurde, mar se hat noch in fraach : “ Moat it siedzje dan ek wetter krije?” Yfke (6) komt yn panyk nei mem ta draven. “Sjoch mem, myn tean stiet yn bloed”.
JETLAG
Nei 1900 groeide breder it besef dat rêst en ûntspanning foar it wolwêzen fan minsken needsaaklik binne. De ynfiering fan de achtoerige wurkwike (yn 1919) wie dêrfan in útfloeisel. De frije sneon kaam yn 1960. Mar op fekânsje gean wie foar de gewoane man oant healwei de 20ste ieu gjin optsje. Hast alle skoalbern moasten yn de simmerfekânsje in sintsje byfertsjinje. Yn BERLTSUM giene de measten de hoven yn om te beiploitsjen. Oaren moasten heit helpe op it lân of yn de kassen. In inkeld bern gie mei de âlders op fekânsje omdat de âlders it betelje koene. Fakentiden nei in kamping op fytsôfstân. It wie in lúkse. De measte fekânsjegongers bleauwen yn eigen lân net fier fan hûs. It bûtenlân wie noch net sa yn sicht. Pas yn 1966 waard yn Nederlân de wet ynfierd dy’t wurknimmers rjocht joech op twa wiken trochbetelle ferlof. It (soms fiere) bûtenlân kaam yn sicht. No leit dat trochgeans fêst hiel oars. Sa lês ik no yn NRC Handelblêd wêryn’t in skriuwster harren ferhearde oer it beslút fan in basisskoalle om in Citotoets yn groep 7 út te stellen. DE REDEN : te folle learlingen hiene nei de maaiefekânsje lêst fan in jetlag (wurgens en pine yn ‘e holle). Resint ûndersyk lit sjen dat wurkstress in groei -end probleem is . Yn 2020 rapportearren mar leafst 1.2 miljoen Nederlânske wurknimmers burn-out klachten, en 34 % fan de wurknimmers joech wurkdruk of wurkstress oan as reden foar fersomjen. De Romeinske keizer Constantijn hat destiids ús de snein jûn as dei fan rêst en ûntspanning. Dit wurdt no lang net altiten mear yn tankberens respektearre en weardearre, tink ik somtiden.
SNEINJÛN (is ferbastere ta Sneon)
Yn it Dútsk wurdt Samstag ek wol Sonnabend neamd. Op Sneon wurdt de jûns yn BERLTSUM om healwei sânen de klok led om de snein yn te lieden. Yn de Berltsumer folksmûle gie dan it sizzen : “Dûmny giet yn bad”. Oaren seinen : “Dûmny lûkt alfêst de sneinske / skjinne klean oan.”
COÖPERATIE “EXCELSIOR” BERLTSUM
Yn 1898 waard yn Ljouwert de oan de Sosjaal –Demokratyske Arbeiderspartij (S.D.A.P.) liearde Coöperatieve Productie- en Verbruiksvereniging “Excelsior” oprjochte mei as doel harren leden yn steat te stellen om tsjin lege kosten yn harren deistich libben te foarsjen. Dat woe men berikke troch itsei sels produsearjen, dan wol dy yn it grut yn te keapjen en oan de leden troch te ferkeapjen. De slachsin wie : “Niet voor het gewin maar voor het gezin”. Hjir yn BERLTSUM kaam sa ek in Coöp-winkel yn de Buorren mei as winkelman Durk Pieters Terp- stra. De winkel is letter ôfbrutsen en moast romte meitsje foar it gemeentlik rêsthûs “Berlingahiem” mei in oprit dêrfoar yn de Buorren. Dit rêsthûs is ek al wer ôfbrutsen en hjir steane no de 4 wenhuzen nûmere as Buorren 80, 80a, 82, 82a.
STRANGE WINTERS
1495 is my bekend as de earste tige strange winter yn Fryslân. Myn heit, Hendrik Watses Posthumus, berne op 24 maaie 1911, hie it faak oer de strange winter fan 1929. Hy fertelde my dat by it opromjen fan de dongbulten (rûchskernen), sels yn augustus, noch grutte stikken iis fûn waard. De strange winter fan 1739/1740 begûn op snein 10 jannewaris. It wie sa kâld dat men yn BERLTSUM hast gjin minsken op strjitte of yn tsjerke fûn. Net ien kaam it hûs út, dan út abslúte needsaaklikens. In elts wie besoarge foar noas en earen. De froast duorre oant 10 maart 1740. It hie de tige kâlde winter fan 1709 oertroffen. De Waadsee wie alhiel tichtferzen. Yn de winter fan 1814 wie de winter ek tige strang. De grutte rivieren koene op it iis oerstutsen wurde. In protte minsken stoa- ren fan de kjeld. Yn 1838 folge wer in strange winter. Doe binne der ek wer in protte minsken troch de kâlde befongen. Ek in protte bisten binne doe omkaam. It wie dreech dwaan om it yn hûs waarm te hâlden. Fan iso- learjen fan de hûzen hie men noch neat heard. De hûzen bestiene út inkeldstiens muorren. Dûbele muorren binne folle letter yn de moade kommen om te isolearjen, krekt as noch wer letter de dûbele glêzen rúten. Yn de Diakonyboeken fan de Koepeltsjerke fan BERLTSUM is dan te lêzen : “Vanwege de aanhoudende strenge winter de bedeelden voorzien van extra brandhout en turf”. De langste en kâldste winter sûnt dy fan 1789 is dy fan 1963/64 mei in protte snie. Komme der no yn de takomst noch strange en lange winters oan troch de opwaar- ming fan de ierde ?
NOCHRIS eat oer it eardere BERLTSUMER JISKELÂN
It oan de Frjentsjerterfeart lizzende jiskelân waard ek wol ‘it stoart’ neamd. Ek de tontsjes giene dêr hinne. De lêste ‘tontsjemannen’ hjir yn BERLTSUM wiene by myn witten Rintsje Willems Roersma út de Molestrjitte, Gerrit Joh. van Wigcheren út de Buorren, Rienk Rienks út de Buorren, Bauke Dusselaar en Willem Leenderts Looijenga. Hja hiene in learen skelk foar en op it skouder in learen lape . Oan de beide hannen in learen want. Hja ruilden de tontsjes ( ek wol “wikselbekers”) neamd om en brochten se op in platte karre (ek wol de strontkarre of de bearwein neamd) nei de skythúspream op it Dok. De wein waard ek wol neamd de “odeurwein” of – nei in bekend merk Eau de Cologne - de “Boldoot-karre”. Hja setten de poeptontsjes mei in handige slingerbeweging, sûnder te griemen, op it skouder. Guon doarpen hiene in poeploads wêr’t de tontsjes lege waarden. De measten hiene in ‘skythûs’ (húske) efter yn de tún of boppe de sleat. Hjir yn BERLTSUM werinnert de namme “Skythûsbuorren” noch oan dit ferline. De grutte boadskip hearden je altiten moai yn it wetter plonsen. Dizze skiednis rint oant fier yn de 20ste ieu. Yn de stêden waarden foarhinne de tonnen lege yn de stedsgrêft. Mar nei de grutte goalera-epidemieën yn de 19de ieu besletten de gemeenten se oan hûs op te heljen. Ik tink dat sa om 1980 hinne ophâlden waard mei dit leegjen fan de tonnen. Doe kamen de wetter- klosetten dy’t oanslúten waarden op de bearput en noch wer letter op de djipriolearing. Ek de hûssmoargens waard op in pream, ek lizzende oan it Dok, nei it stoart (it jiskelân) brocht. De strjitfeier, âlde Teade Zijlstra út it Earmhûs, romme de strjitsmoargens en de hynstefigen op mei de strjitkarre, de skeppe en de strjitbiezem.
LEAGENBANKEN
Yn in protte doarpen en stêden hawwe en hiene jo leagenbanken. Guon banken wiene sels oerdutsen. Dêr op dizze banken waarden de doarps en stêdnijsjes útwiksele en bepraten. Ek in protte minsken krigen der gauris wat nei en waarden beroddele as hja foarby rûnen. De iene koe it noch moaier opsizze as de oare. It wiene fakentiden deselde besikers dy’t der sieten en stienen. In sibbelid fan my sei altiten : “Alles hoecht net wier te wêzen as it ferhaal mar moai is”. Yn BERLTSUM hawwe wy nea leagenbanken hân. Hjir stiene hja op de hoeke fan de Buorren en de Krússtrjitte. Guon giene dêrnei nochris yn in lyts groepke in slach om troch it doarp. Middeis stie der altiten in groep wat âldere mannen mei de krantebesoarger op it Skil foar it Poartegebou op de Ljouwerter bus mei kranten te wachtsjen. Ek hjir gie it wer om de geselligens. De kranten wurde no moarns al om sân oere besoarge en op sneon de moarns om acht oere. Yn Akkrum stiet op de oerdutsen leagenbank : “Sitte yn ‘e rige ..... en dan mar liege”.
15 AUGUSTUS 1945
Op 15 augustus wurdt it offisjele ein fan de Twadde Wrâldoarloch yn it Keninkryk fan de Nederlannen betocht. Op dy dei kapitulearre Japan en waard ek Nederlânsk Ynje befrijd. Ek yn Fryslân binne der lokale betinkingen. Dêrby is ek altyd oandacht foar de skiednis dy’t skuorret. Nederlân is hjir net allinne slachtoffer, mar ek dieder. Want it giet neist it betinken fan de gefolgen fan de Japaneeske besetting ek oer it hurdhertich en soms mis- diedige Nederlânske militêre yngripen yn Indonesië, dat al gau folge op it ein fan de Twadde Wrâldoarloch. Oant desimber 1949 waarden 120.000 Nederlânske tsjinstplichtigen (en frijwilligers) , wêrûnder ek in grut oantal jonge mannen út BERLTSUM (foar de nammen sjoch yn dit e-book) mei de boat dêrhinne stjoerd foar in koloanjaalje oarloch , yn in besykjen om de Yndonesyske frijheidstriid del te slaan. In protte oarlochsmisdieden binne begien troch Nederlânske militêren : eksekúsjes en mishannelingen fan finzennommen Yndonesiërs. De namme oarloch mocht net brûkt wurde, it waarden “polysjonele aksjes” neamd. Ek guon Berltsumers binne dêr as avonturiers frijwillich hinne gien. Ek in Berltsumer is desertearre foar safier ik wit, ik sil syn namme mar net neame, en is begûn te farren om arrestaasje te foarkommen. Hy is úteinliks yn Australië terjochte kommen en is dêr troud. Hy doarst net werom te kommen. Op desertearjen stie in swiere finzenisstraf. Ûnder presje fan Amearika moast Nederlân úteinliks de striid opjaan. Fan de tusken 1945 en 1962 yn Nederlânsk Ynje en Nij-Guinea sneuvele 168 friezen binne ek inkelde BERLTSUMERS sneuvele en net weromkaam. De betinking fynt jierliks plak op de lêste Woansdei yn it Rengerspark yn Ljouwert.
(foar de nammen sjoch yn dit e-book).
DE BELEEFTÚNEN
fan Bram en Hieke Joostema en Hieke harren soan Klaas Osinga, berne út harren eardere houlik mei silger Peter Klazes Osinga. Neffens de jury hat de tún bysûndere kultuerhistoaryske wearde en skjintme om troch de stifting Nederlandse Tuinen nominearre te wurden ta kulturiel erfguod. Hja wenje oan de Wiersterdyk 6A yn BERLT- SUM. It hûs is 30 jier lyn boud. De tún is 10.000 fjouwerkante meter grut . De tún oan de oare kant fan de âlde (see)dyk mei tige hurde seeklaai fungearret as proeftún fan soan Klaas Osinga, dy’t de oplieding Tún en Lân- skipynrjochting ôfrûne hat en straks begjint oan syn master lânskipsarjetektuer yn Delft. By de beamsingel efteryn waakse wol 40 ferskate stînzenplantensoarten yn it foarjier, ôfkomstich fan ferskate states yn Fryslân. Der fladderje ferskate flinters en libellen rûn. De tún is troch de hagen de fariëteit fan ynlânske planten, rêst, en in sekere “rûchte” in graage skûlplak foar ynsekten, fûgels, hazzen en fazanten.
Ds. JAAP van der WIEL
út Ljouwert stie ea yn BERLTSUM de moarns op de kânsel yn de eardere Grifformearde tsjerke oan de Wiersterdyk (no “Pension Welgelegen”), en dêr die van der Wiel de útspraak: “We zien geen wonderen meer van de Heer. Daar moet je de ogen voor open doen. Ik zal het vanmiddag hier laten zien, dan spring ik van de preeksoel af”. De middeistsjinsten waarden wat minder besocht. De tsjerke siet dy middeis hardstikke fol. “Zie je wel dat de Heer een wonder doet ! Prijs de Heer, daar gaan we van zingen, we zingen Psalm 146” wiene syn wurden.
Heerenveense Koerier 11-4-1947
MIDDENSTANDSVEREENIGING OPGERICHT.
BERLIKUM. Alhier is opgericht een middenstandsvereeniging voor neringdoenden en ambachtslieden. Het bestuur is samengesteld als volgt : Kleanmakker W(opke) A(les) Miedema voorz. , P. Visser vice voorz., jirpel- keapman Andele Boomsma secr., timmerman P.(ieter) van der Zee penn., slachter J.(imme) Smit, en fierder as leden smid S.(ytze Doekes) Sijens, en bakker H.(eine) van der Meer.
OER IT ITEN YN MYN JONGE JIERREN (1950 – 1960)
Indiase restaurants bestien allinne yn India. Pizzerias, ôfheljerestaurants : nea fan heard. Rauwe fisk waard sjoen as earmoede. Pastas waarden hast net iten. Curry wie in efternamme. Rys waard iten mei in klontsje bûter en mei wat kaniel. Potstro gie mei wat bûter en dergelike. Yn BERLTSUM waard in pankoeke koartwei stro neamd en op it Bilt stru. In pizza waard assosjearre mei in skeve toer. Ik hie nea heard fan yoghurt, bami, babi pangang en neam mar op. It measte wat op tafel kaam wiene jirpels, fet (sjú), in protte grienten en fleis pro- dukten as in stikje kowefleis of bargefleis, in gehakbol of in stikje woarst en as neispize rizenbrei, havermout of groattenbrei. Op sneon fakentiden snert , brúne beane of gewoane stro (pankoeken) mei spekjes, krinten of stikjes appel dêryn. Dingen dy’t wy yn de jierren 50 – 60 net op tafel hiene : wiene de beide earmtakken en de mobiele tillefoan.
F.D. 4 oktober 2024
“KERK en VREDE” wil al 100 jaar het evangelie losslaan van de oorlogspraktijk. (“Het gebroken geweertje”)
Sjoch ek by BERLTSUMER tsjerkebelangen yn dit e-book neamd. Kerkeraad van BERLIKUM tegen Synode uitspraak. Het ging hier om de plaatsing van Amerikaanse kruisraketten in Nederland tegenover Rusland.
In 1924 werd de organisatie opgericht. Met moderne wapens zouden de gevolgen van de strijd alleen maar erger worden. Het was tegelijkertijd ook een periode waarin je niet lichtvaardig pacifist werd . In 1930 werd Kerk en Vrede-lid Fedde Schurer (later bekend als dichter, journalist en politicus voor CDU en PvdA en van “Kneppelfreed”) ontslagen als onderwijzer aan de christelijke school in Lemmer. Hij weigerde een verklaring te ondertekenen waarin hij beloofde in zijn onderwijs niets te laten blijken van zijn pacifistische overtuigingen. En dominee Cohen uit Dokkum heeft vanwege zijn antimilitaristische prediking voor de Tweede Wereldoorlog enkele weken vastgezeten in Leeuwarden. Tijdens de de Tweede Wereldoorlog is hij vanwege zijn prediking opgepakt en in Dachau vermoord. Ook uit de kerken zelf kwam verzet tegen de christenpacifistische beweging. De kerkenraden weigerden in de jaren dertig bijvoorbeeld bijeenkomsten van “Kerk en Vrede”. Zo mocht in Leeuwarden eind 1932 van de kerkvoogdij van de Hervormde Kerk geen Kerst-getuigenisbijeenkomst van “Kerk en Vrede” plaatsvinden. En Fedde Schurer en zijn vrouw zijn uiteindelijk geëxcommuniseerd door de kerkeraad van de Gereformeerde Kerk, zoals de Gereformeerde Synode in 1936 alle pacifisten de toegang tot het avondmaal heeft ontzegd. Ek yn BERLTSUM wiene grutte mieningsferskillen en fûnen innoar dêryn as Berltsumers net. De Doopsgesinde gemeente stie as harren te neamen ‘Fredes Gemeente’ wol efter “Kerk en Vrede”. De measte Doopsgezinden wiene foarhinne tsjinstwegeners en diene dan ferfangende tsjinsten. Yn de Twadde wrâldoarloch wiene in protte fan harren lykwols fergetten dat hja lid wiene fan in “Fredes Gemeente”.
NOCH EAT OER IT EVANGELISAASJEGEBOU HJIR YN BERLTSUM earder neamd
mei de namme “Predikt het Evangelie” steande oan de Buorren. It wie gjin tsjerke want dy fout wurdt noch wolris makke. It wiene ienfâldige sobere en doelmjittige gebouwen. It gebou waard ek wol “it lokaal” neamd en is hjir yn BERLTSUM letter ôfbrutsen. It wie de moetingsromte fan de rjochtsinnich Herfoarmden mei in eigen evangelisaasje bestjoer. It wie in soarte fan ynwindige sinding binnen de tsjerke. Ûnder de Twadde Wrâld- oarloch wiene der noch sa’n 332 evangelisaasjes yn ús lân. Dit “lokaal” wie yn BERLTSUM yn 1881 mei de út Skúzum / Piaam ôfkomstige rjochtsinnige dûmny Hendrik (Hein) Hoekstra net mear nedich. De measte evangelisaasjes wiene te kwalifisearjen as “midden ortodoks”. Se hiene it finansjeel net rom. It jild kaam út de op snein hâlden kollekten. Ek waarden der wol bedelbrieven stjoerd nei de rike eallju. Dêrneist waard ek noch oan de Herfoarme tsjerke betelle. Waard dat net dien dan waarden hja as tsjerkelid útskreaun en dat woene de measten net ferlieze. Sa hiene se nammentlik ek noch ynfloed op de koers fan de Herfoarme gemeente. Sa is de gemeente hjir úteinliks by mearderheid fan stimmen fan frijsinnich ortodoks wurden. Der wiene hjir yn ús omkriten ek evangelisaasjes yn Ljouwert (Pniël), Winsum, Doanjum (“Uw Koninkrijk kome” stifte yn 1925), Frjentsjer (“Bethel”), Peins, Hurdegaryp, Holwert (“Eben-Haëzer”), Deinum, Gytsjerk, Boazum om mar in pear te neamen. De earste ûnderkommens wiene somtiden in hinnehok, in pakhús of in skoallelokaal. De evange- lisaasjes hiene meastal ek in oargel. Dit ha ik yn BERLTSUM net gewaar wurde kinnen. It gebou hat ek funks- jonearre as breid- en beukerskoalle, as Herformde legere skoalle en as ûnderkommen foar de C.J.M.V. (Her- foarmd) en foar de troch it C.J.M.V. oprjochte Berltsumer kristlike muzykkorps “De Bazuin”.
DE FRYSKE SKIEDNIS
Frysk op skoalle, of Fryske skiednis, dat wie der eartiids net by. Dat der bygelyks in Friezentsjerke yn Rome is, is in protte Friezen net bekend. Dat bygelyks de Noardsee destiids ek wol Mare Frisicum ofwol de Fryske see neamd waard allikemin. Dat bygelyks de plaknammen Hoorn, Uithoorn , Kaap Hoorn ôfkomstich binne fan it oarspronklike Fryske wurd herne/hoarne, wat hoeke betsjut, witte in protte Friezen net. It Fryske wurd lyts (lutje, luttich ) finne wy no noch altiten werom yn de plaknammen as Lutjegast, Lutjebroek, Lutjelollum. Ik ha dit efternei besjoen (en ûnderfûn) as diskriminaasje fan it heechste buordsje. In protte Friezen koene en kinne dêrtroch (no noch) net Frysk lêze of skriuwe. Dat de sân Fryske lannen (útdrukt yn de sân Fryske pompeblêden op de Fryske flagge) eartiids rûnen fan Flaanderen oant N.W. Dútslân ta, wurdt ek ûnder it kleed fage. Men ferjit dat de Nederlânske skiednis begjint mei de Fryske skiednis. De skiednis wurdt spitigernôch makke troch de machthawwers. It is in godswûnder dat it Frysk en Fryslân no noch besteane. Hjir moast tige foar fochten wurde. Ik ha mysels it Frysk lêzen en skriuwen oanleare moatten. Yn BERLTSUM wurdt haadsaaklik Frysk sprutsen. Ik ha dan ek in protte yn it Frysk skrean wat ik mysels oanleard ha. Fandêr dat der miskien wol in protte flaters yn dit e-book sitte sille. Dit moatte jimme dan mar op de keap ta nimme. Ek it Latyn en it Gryks hie myn belangstelling. Foaral by tige âlde skiednis is it tige wichtich om ek dizze talen lêze te kinnen.
NIJSGJIRRICH AAGTJE
Wy allegearre, ek ik, geane sa stadichoan foar in behoarlik part zappend, scrollend, swipend en netflixend troch it libben. It is as Mac Donald’s, it fiedet net mear it fult lekker. Wy binne oan it ferlearen om ús yn te spannen en muoite te dwaan. Mei ús skermkes en mei in pear mûsklikken regelje wy alles, libje ús libben noflik en muoi- teleas, wy hawwe alles binnen berik, en wy binne ferslave rekke oan dat gemak en oan ús opperflakkige ynstânferlangens. Wy binne Aagtjes wurden. Net allinne kranten hawwe dêr lêst fan mar ek politike partijen, ferienings, sportklups en tsjerken. As wy net útsjogge moetsje wy sa stadichoan minder minsken bûten ús eigen bobbel en geane wy hieltyd minder betinke wat ús fiedet, minder kritysk sjen, lêzen, fiele, minder lústerje en in net mear lûke oan ús eigen foarynnommenheden. Bliuw in bytsje nijsgjirrich. Pak in krante of in boek , Ek asto gjin sin hast. Wakkerje it ynterne debat in bytsje oan yn dysels. Fiedsje dyn nijsgjirrigens. Men moat der wat foar dwaan. Twivelje ! Stel ris in iepen fraach, freegje troch, en lústerje. Nochris, fiedsje dyn nijsgjirrigens. Men moat der wat foar dwaan. Dit kin súper ynterresant wêze en somtiden spannend en opwinend. Sa bin ik, al foar de kompjûtertiid oan dit e-book begûn te wurkjen. No wolle in protte minsken harren nearne mear foar ynspan ne bygelyks as foar de tsjerke en de maatskippij. Bestjoersleden binne mar amper te krijen by sportferienings, tsjerken etc. en dat is tige spitich. In protte minsken binne boppedat ferslaafd rekke oan dat lytse apparaatsje yn de hân en binne dêrtroch tige gefaarlik wurden yn de auto, op de dyk en dêrbûten.
NOCHRIS EAT OER PITER IDSERTS PORTIER
Piter Idserts Portier waard berne op it Frjentsjerter Vliet. Hy wie Poartewachter fan berop en dit ferklearret syn efternamme. Hy tekene hûnderten steds- en doarpsgesichten wêrûnder ek dy fan BERLTSUM. Dêr is hast gjin doarp yn Fryslân dat hy net tekene hat. Yn 1744 waard hy beneamd ta tekenlearaar oan de universiteit fan Frjentsjer. De tekeningen fan Portier binne meastal fan in heal A4 en makke mei inket, pinne en pinsiel. Op de foargrûn tekent hy hast altyd wetter mei roeiboatsjes, in pream mei fiskers of in boer. Op dy fan BERLTSUM stiet in roeiboatsje tekene.
MOLENSCHOT
De pleats Molenschot oan de Kouweweg, earder yn dit e-book neamd, hie as eigner luitenant bûten tsjinst Sjoerd van Molenschot. De Moleschotsibbe komt oarspronklik fan Gelderlân. In sibbelid fan him troude hjir om 1675 hinne û. o. mei in Sjouck Wybrens van Roorda fan Ginnum. In protte Molenschot sibbeleden tsjinnen yn it staatske leger. Sa ek Sjouck harren soan Christoffel Adriaan van Molenschot. Hy wie faandrich yn it gardere- zjemint fan de Fryske stêdhâlder, mar ferstoar al op 7 maaie 1696, noch mar 19 jier âld. Syn suster Susanna Juliana van Molenschot troude op lettere âlderdom mei de widner Hotze Hessels Lauta van Aysma, dy’t op Rinsma State yn Driesum weneftich wie. Sibben út ús omkriten (WIER en BITGUMMOLE) wei. Sjoerd van Molenschot befûn him dus yn aadlik miljeu. Ek in Johan van Molenschot waard yn 1674 beneamd ta kaptein fan in Fryske kompanjy. Syn houlik mei in Fryske ealfrou sil dêrby holpen hawwe. De sibbe wie dus tige begoedige û. o. troch it erfjen en troch harren (tige hege) militêre offisiersfunksjes yn noardeast Fryslân en dêrbûten. In Klaas Jans Rienks hat hjir û. o. ek op Molenschot oan de Kouweweg ûnder BERLTSUM wenne. De âlders fan de hjirboppe neamde Sjoerd van Molenschot haw ik net fine kinnen.
DE HÛNGERWINTER FAN 1944
Ûnder de hûngerwinter fan 1944 trieken tûzenen hûngerjende minsken oer de Ôfslútdyk nei Fryslân ta om iten te heljen foar harrensels en foar harren sibben. Dit tsjin beteljen of it ruiljen fan kostberheden. Guon boeren makken dêr misbrûk fan. De minsken iten wol blombollen, sûkerbieten en sels wol hûnen en katten. Dat hja ek BERLTSUM besocht hawwe is my net bekend. Yn it westen fan ús lân binne sa’n 20.000 minsken de hûngerdea ynrekke. Hja wiene slachtoffer wurden fan in fiedselblokkade dy’t troch de Dútsers ynsteld wie as ferjildings- maatrigel. Yn septimber 1944 wie Súd-Nederlân al befrijd mar Noard-Nederlân noch net. Ûnder “Operaasje Market Garden”: probearren de Alliearden troch te stoaten nei it Noarden. De Nederlânske regearing yn Londen rôp op ta in spoarweistaking as ûnderstypjen fan Operaasje Market Garden. Dit mislearre en de Dútske besetter blokkearre as ferjilding alle fiedseltransporten nei de Rânestêd. Binnen inkelde wiken hiene de stêden gjin fiedsel, brânstof en medisinen mear. Der binne doe ek in protte minsken stoarn yn de winter fanwege de kâldens dy’t oanhâlde oant it foarjier fan 1945. Hjir yn BERLTSUM hearske lokkich gjin hûnger. Dêr waard hjir haadsaaklik jage op brânstof, illegaal yn de nacht kapte beammen, takken en spoarbielzen. Dêr hat myn heit mei in protte buorlju doe ek oan meidien. It iten moast sean en ien keamer ferwaarme wurde. By brek oan stroom komt noch in bytsje ljocht fan kearsen en knypkatten. Ek troch in fyts op de kop te setten en dêrmei oan in draaïend tsjil fia de dynamo stroom op te wekjen. Sirka sa’n 50.000 ûnderfieden bern waarden troch de tsjerken evakuearre nei gesinnen yn it noarden en it easten fan it lân. Ek oare froulju as de mem hienen de lytse bern somtiden oan it boarst by brektme oan molke. Ûndersyk yn it Akademysk Medysk Sintrum yn Amsterdam hat sjen litten dat poppen dy’t berne waarden ûnder de hûngerwinter op lettere âlderdom faker hertynfarkten en kanker krigen dan trochsnien. BERLTSUM waard op 15 april 1945 fan de Dütsers befrijd.
STIFTING IT MUOIKE ANNA FÛNS
It jild komt út de neilittenskip fan Anna Bernardus dochter Renzema (10-5-1950 – 20–2–2017) dy’t, as nea troude, wenne hat oan De Pream 17 yn BERLTSUM. De stifting hat as doel om de belangen te behertigjen en it begeunstigjen op kultureel, sport, museaal, sosjaal en/of maatskiplik mêd foar it doarp BERLTSUM. Mear oer harren is te lêzen yn dit e-book by : Boetes afkopen met pakjes sigaretten. Hja wie frachtautosjofeur fan berop.
NOCH EAT OER ‘DE HEGE WIER’
lizzende oan de Sânwei ûnder BERLTSUM en Menaam earder yn dit e-book neamd. Der is dêrneist noch in foto te sjen fan trije lykjende as oaninoar boude hûzen as oerbliuwsel fan in eardere buorkerij en is alhiel troch wet- ter omwâle. By de ferbouwing yn 1925 sieten hjir noch muorre ankers yn mei it jiertal 1656. De 3 hûzen binne om 1960 hinne ôfbrutsen. De lêste bewenner wie de famylje Bauke Douma. It stie op in lytse alhiel omgrêfte hûsterp lykas de dêrefter lizzende ‘HEGE WIER’ út de 11e en 12e ieu dy’t tsjinne hat as ferdigeningswurk. Dizze eardere buorkerij (ek wol in nederhof neamd) behearde by dizze earder op de ‘HEGE WIER’ stien hawwende ferdigeningsstins. De buorkerij stie yn 1832 en yn 1850 noch op de kaart yntekene en wie doe 39 pm grut.
MJITTE IS WITTE
Yn 1869 wurde yn Nederlân alle beneamingen foar maten, ek YN DIT e-BOOK neamd , ôfskaft. Op 1 januaris 1820 wurdt yn Nederlân it metrieke stelsel ynfierd. Foar de standarisearring hie eltse stêd of streek in eigen systeem fan standertmjitten. Faak brûkte men lichemsdielen om lingtes te mjitten. Âlde mjitten: De FOET. Yn Nederlân waarden ferskate definysjes brûkt. De Rijnlânske foet waard it meast brûkt. 0,3140 m. No noch brûkt yn de loftfeart (fleanhichte) en yn de skipfeart (lingte fan skippen) De PALM - de breedte fan 3 cm oant 9,6 cm – by de ynfiering fan it metrieke stelsel waard de palm de sintimeter. De EL – de lingte fan de earmtakke oant it puntsje fan de wiisfinger - omstrings 69,4 cm. ferskilde per stêd of streek. De TOMME – breedte fan it boppeste koatsje fan de tomme- de tomme waard de sintimeter: 10 tommen in palm. – per streek ferskillend. Wy kinne no noch it wurd de tom(me)stok. In OERE GEANS - de ôfstân dy’t in kuierder yn in oere ôflizze kin : 4,5 km. De namme mijl waard ferfongen troch kilometer. BERLTSUM – Ljouwert wie sa’n lyts “trije oere geans”. BERLT- SUM- Frjentsjer allyksa. Foar âlde oerflakte en ynhâldsmjitten yn dit e-BOOK neamd, sjoch fierder op Google.
DE FEBREWARIS FLOED FAN 1825
duorre fan 3 oant 5 febrewaris 1925. De trochbraak yn de Súderseediken die in twa-tredde diel fan Fryslân (de Súdwesthoeke en it Lege Midden) ûnder wetter stean. It wie de grutste ramp fan de 19e ieu. Myn beppe fertelde dat harren mem fan harren beppe heard hie dat in protte pleatsen yn de Greidhoeke as eilandsjes yn de see liken te stean. Der foelen 17 deaden te beskriemen. Yn Oerisel mear as 300 deaden. De ympakt fan dizze floed lei foaral yn de fatale neisleep : de misrispingen en de malaria. De stoarmfloed fûn foar in diel plak yn de nacht. It sâlte seewetter bedoar drinkfoarrieden foar minsken en bisten en fersâlte lannerijen brochten misrispingen op. Mei tanksij de waarme simmer yn 1826 foarmen de brakke greiden, ikkers en wetterfoarrieden in bried-plak foar syktekiemen. Malariamiggen fersprieden parasieten dy’t nei skatting sa’n 5500 deadlike slachtoffers easken yn Fryslân. Krekt as letter yn 1953 by de Febrewaris ramp yn Seelân, de grutste ramp fan de 20e iuw, waarden troch hiel Nederlân kollektes hâlden en kamen helpaksjes op gong. Boppe de Westerske Biltpollen wie in gat ûntstien wêrtroch de Nijebiltdyk fan in Slaperdyk wer in Waker wurden wie. It hiele Nije Bilt kaam ûnder wetter te stean. Nei klokklepjen, it kloklieden, waard eltsenien dy’t mar koe en in leppe of in bats yn hannen hâlde koe nei it gat yn de Nije-Dyk stjoerd. Skippen farren oer it Nije Bilt om minsken te rêden. Der foelen troch ferdrinking lokkich gjin deaden te beskriemen. Oft der ek Berltsumers oan it tichtmeitsjen fan de dyk meihol- pen hawwe koe ik net gewaar wurde. Ek net dat hjir in protte oan malaria stoarn binne. Ik wit wol dat dit Noard-Westlike part fan Fryslân fierder lokkich droech bleaun is. Dit stik skreaun nei oanlieding fan it petear mei myn beppe Alida Posthumus – Fokma nei oanlieding fan de grutte oarstreamingsramp yn Seelân op 1 Febrewaris 1953. Ik wie 8 jier âld. Op de legere skoallen waarden ynsammelaksjes hâlden fan boartersguod foar de bern dêr yn Seelân. Ik fielde my tige skuldich omdat ik gjin boartesguod leverje koe want dat hie ik gewoan net. It is yn dizze tiid net te begripen. It wie kleare earmoede nei de Twadde Wrâldoarloch. Der wie earst hast neat te krijen. Noch in protte op de bon. Alle fabriken moasten wer op nij op gong komme. Op snein 2 februaris 2025 lieden by 120 tsjerken yn Fryslân de klokken 18 minuten en 25 sekonden lang as oantinken oan dit barren yn 1825. Foaral yn de doe troffen kontrijen yn Fryslân. It wurdt ek wol “de fergetten wettersneed” neamd, omdat tsjintwurdich mear de oandacht útgiet nei de dernei tige grutte wetterramp fan 1953 yn Seelân en Súd-Hollân. Wy hearre ek yn de 17e iuw fan min of mear grutte oerstreamingen (1610, 1623, 1643, 1651,1655 en 1675) Foaral yn 1610, 1651 en 1657 moat it der raar om wei gien wêze.
YN DE FISKWINKEL FAN HISSE FEIKES BROUWER
Fedde Arnolds Sjoerdsma : “Graach in makreel, Hisse.
Hisse : “Noch mear winsken, Fedde ?
Fedde : Ja, smyt him mar nei my ta”.
Hisse : “Smiete ?”
Fedde : Ja, smiete!”
Hisse “Wêrom smiete ?”
Fedde : “Dan kin ik thús sizze dat ik him fongen ha”.
“VAN ZESSEN KLAAR”
Dizze útdrukking kom je fakentiden tsjin yn dit e-book by advertînsjes oangeande it hurddraafjen fan hynders. “Van zessen klaar” d.w.s. do kinst dy tige goed rêde. Do bist trochtaastend, do kinst goed problemen oplosse, do litst dy net út it fjild slaan, do stiest altiden ré om yn aksje te kommen. Dizze útdrukking komt fan oarsprong út de hynstesport en is belutsen op de sûnens fan hynders. “Van zessen klaar” wol sizze dat it hynder 4 goede fuotten hat en 2 goede eagen. “Klaar” betsjut: frij fan sykten of ûngemakken, dus hielendal sûn. Guon minsken hawwe Van Zessen as efternamme.
LÂNFERRIEDERS (N.S.B.-ers)
“Oefenje yn minsklikheid is tige wichtich”. Dit binne de wurden fan Otto Frank, de heit fan Anne en Magot Frank. Otto Frank wie ien fan de ca 8000 finzenen dy op 27 jannewaris 1945 troch de Russen út konsin- traasjekamp Auschwitz-Birkenau befrijd waarden. Seis miljoen Jeropeeske Joaden binne ombrocht yn kampen. Beheinden, geastlik syken, homoseksuelen, Jehova’s tsjûchen, Frijmitselers, zigeuners, polityke tsjinstanners en miljoenen Russen en Poalen waarden fermoarde troch de nazi’s. De ferneatigingsferskrikkingen wiene net foar te stellen. Yn Nederlân binne 102.000 fan de 140.000 Joaden en 245 Roma en Sinti fanút kamp Westerbork deportearre (yn Jeropa tusken de 500.000 en 1.500.000 Roma en Sinti) nei konsintraasjekampen en ferneati- ginskampen. Ûngefear de helte fan de 6 miljoen fermoarde Joaden kamen út Poalen, BERLTSUM hie de measte NSB-ers yn ús omkriten. Minsken dy’t hjir as sympatisanten efter dit ûnminsklik en ferskriklike Hitlerbewâld stienen. Yn de tsjerken hjir waarden se tige warskôge mar de measten hiene der gjin earen nei. Nettsjinsteande dat hja wisten fan û.o. de rassenhaat en de frjemdlingenpolityk fan Adolf Hitler en syn trawanten. Twa Berlt- sumer dûmnys waarden oppakt en binne letter lokkich wer frijlitten. By Dronryp fûn op 11-4-1945, as wraak -nimmen op fersetslju, in grutte fusillade plak by de brêge oer it Van Harinxmakanaal, mar de grutste fussilade yn Fryslân fûn plak op 22-1-1945 by Dokkum wêr’t op de Woudweg, as wraaknimming, 20 willekeurich keazen mannen ombrocht waarden. By myn witten wiene hjir yn BERLTSUM mar in pear fanatyke NSB-ers dwaande, de measten hawwe de maatskippij gjin kwea berokkene. Hja hâlden harren NSB gearkomsten yn it kafee fan Sybren van der Meij by de brêge. Dizze wie net anti-Dútsk gesind. (Sjoch by Oorlogs tribunaal yn dit e-book) Dit stik as oanfolling oer de Twadde-Wrâldoarloch hjir yn BERLTSUM en omkriten, earder neamd yn dit e-book.
DY GOEDE ÂLDE TIID
Myn heit sei altyd : “Lit dat “goede” der mar tusken út”. Hy moast as boike fan tolve jier al op it lân wurkje foar in habbekrats. Yn 1874 hie it bernewetsje fan Van Houten it wurkjen fan bern ûnder de 12 jier yn Nederlân ferbean. Hy hat twa wrâldoarlogen meimakke en moast yn maaie 1940 op de Grebbeberch fjochtsje tsjin de Dútsers. Ek werkleazens en earmoede hat in grutte rol spile. Lit ús wat kritysk werom sjen yn de efterútsjoch- spegel. De minsken dienen mar in bytsje oan “persoanlike hygiène”. Minsken droegen deselde klean faak tig dagen efterinoar. It sleatswetter en smoargens wie in fiedingsboaium foar syktes as goalera en tyfus. De libbensferwachting is hjoed de dei foar sawol manlju as froulju om de 80 jier hinne. Earder wie dat sa om en by de 25 jier. Om 1900 hinne 44 jier. Om 1950 hinne wie dat sa tusken de 70 en 72 jier. Dit tanksij de tige goede medyske soarch, moderne hygiëne en goede fieding. Anno 2024 libje wrâldwiid besjoen minder as ien op de tsjien minsken yn ekstreme earmoede. Earder wiene dat sa’n acht op de tsien. De toskehielkunde brûkte gjin ferdôving , toskedokters wiene folle earder faak barbier of smid fan berop. Wa’t tsjintwurdich staar (cataract) hat kin op in ienfâldige en foaral feilige wize holpen wurde. (Ik ha dit sels ûnderfûn). Eat mear as in ieu lyn waard de wrâld troffen troch in net eardere pandemy, de Spaanske gryp (1918-1920), dy’t mar leafst 50 à 100 miljoen minsken it libben kostte. Myn heit hat dit hjir yn BERLTSUM as boike meimakke en dit hat doe in grutte yndruk op him makke. Hy fertelde my dat de deadskisten fakentiden ek wol troch heech oplútsen rûten nei bûten brocht waarden omdat se yn hûs net de draai krije koene. Faak stoaren yn in protte gesinnen meardere persoanen. It ynwenjen by âlders wie sa normaal dat it jierrenlang in fêste útdrukking wie. Âlderen kamen by de bern yn te wenjen omdat se harren net mear rêde koenen. It wie meastal in stik feiliger om bier te drinken dan wetter, want skjin wetter wie tige krap. Sels de bern dronken yn it fiere ferline bier. Ter ferliking : ûnder de Earste Wrâldoarloch foelen sa’n 17 miljoen deadlike slachtoffers en yn de Twadde Wrâldoarloch nei skatting 55 miljoen. Fan de 1000 bern dy’t berne waarden, stoaren der plm. 130 foardat se ien jier âld wienen. Sa binne hjir ek yn it ferline troch bernesykten in protte bern stoarn yn BERLTSUM. Somlike húshâldings ferlearen mear- dere bern en guon alle bern. De lêste panépidemy krisis Koroana (ek wol Covid 19 neamd) tusken 2019 – 2023 ha ik meimakke en bin der tjin yninte en dat bart elts jier no noch altiten neist de reguliere grypprik.
Lytse Johannes tsjin syn mem : “Ik fyn mem leaf”
Mem : “Siz dat no ek ris tsjin dyn heit”
Lytse Johannes tsjin syn heit : “Mem seit dat ik heit EK leaf fyn”
DE “MOFFENZEEF”
Ûnder de Dútske besettng (1940-45) moasten alle Nederlanners harren radio ynleverje. Allinne Dútske programma’s fan oerwinningen en dergelijke mochten lêzen wurde as propagande yn de kranten. As it harren net sinde waard in protte ferswegen of ferdraaid. In protte nijs wie dus net te fertrouwen en net wier en moast mei in krommeltsje sâlt oannommen wurde. De troch de Dútsers ferbeane Nederlânske stjoerder “Radio Oranje” yn Londen dy’t de werklike situaasje werjoech mocht net belústere wurde. Dizze stjoerder waard dan ek tige troch Dútske steurstjoerders steurt. In apparaatsje mei de namme de “Moffenzeef” koe dit tsjin gean. It wiene fakkundig makke eksemplaren yn inoar set mei hout en nylontried en wie sa rom in heale meter heech en breed. De moffenzeef waard ek wol in “Germanenfilter” neamd. Ik wit net oft dit apparaat by Jacob van Manen ek brûkt waard. Myn heit gie der de jûns faak hinne om “Radio Oranje” te belústerjen. Hy warskôge harren dat se de radio fiersten te lûd oanstean hiene, it koe bûten somtiden wol te hearren wêze. Oft dit de oarsaak west hat fan it oppakken fan Jabik van Manen - oaren sizze dat in Berltsumer NSB-er him ferieden hat - wit ik net. Omdat hy de radio net ynlevere hie brocht him yn de finzenis (it “Oranje Hotel”) en letter as finzene op ferskate plakken yn Dútslân. (sjoch foar mear hjiroer wat earder yn dit e-book skreaun is).
LYTSE KOMELKERIJEN
Yn en om BERLTSUM hinne wiene ferskate lytse komelkerijen. Hja hiene fakentiden sa’n 4 oant 8 kij op stâle stean. It greidlân waard meastal hierd en guon makken gebrûk fan de tsjerkefinne. Yn it doarp joech dit in protte stjonkerij, foaral fan de rûchskernen. De gemeente woe hjir dan ek wol fanôf. As de komelker kaam te ferstjerren waard net tastien om de melkerij wer troch in oar fuort te setten. De oan de dyk steande molke- bussen waarden mei hynder en wein troch in wurknimmer fan it Berltsumer fabryk ophelle. It is no net mear foar te stellen dat in protte lytse komelkers hjir in bestean yn fine koenen. De lêste fabrykswurknimmer wie by myn witten de Bitgumer Bearn Nauta dy’t de (nûmere) molkebussen ophelle. It hynder fan it fabryk hie in eigen stâle op it terrein fan it Berltsumer molkefabryk. Samar in pear nammen fan dizze lytse komelkers: Dirk Jacobs Tuinenga, (Jetske reed) Klaas Minnes Nieuwhof (Wiersterdyk) , Fokke Herres Zijlstra (de Singel) , Jentje Ales Wierstra (Bûterhoeke) , Watse Hendriks Posthumus (Bûterhoeke) , Jan Jacobus.sn Wassenaar (Hôfsleane) , Sijbe Gerlofs Osinga (De Buorren), Sytse Jans Gerkema (Kleasterdyk) , Hielke Dirks Herrema (Tsjerkestrjitte) , Roelof Jans Zijlstra (Kleasterdyk), Folkert Gabes Werkhoven (Kleasterdyk), Jitse Hyltjes Smits (Jetskereed) etc. etc.
TRIJE MOLKESÚTELERS
yn tsjinst fan it Berltsumer molkefabryk foarseagen de Berltsumers fan deistige súvelprodukten, behalve fan tsiis en bûter. Foar tsiis moasten de Berltsumers nei de tsiiswinkel fan Sytse Jans Bosma, tr. m. Hinke van der Hogt, it hûs tsjinoer de Piip, no it winkeltsje neamd mei de namme “De âlde tiid”. Trije molkesútelers binne letter selstannich fierder gien. De lêste selstannige molkesúteler wie Arie Hendriks Posthumus fan de S.R.V. (Samen Rationeel Verkopen). It wie in lytse selsridende súpermerk op tsjillen soe men sizze kinne, yn de 60-tiger jierren ûntstien. Yn de 90-tiger jierren fan de foarige ieu ferdwûnen hieltyd mear fan harren omdat de froulju oerdei mear en mear begûn binne te wurkjen en hja harren dus net mear thús oantroffen. De lêste molkesútelders dy’t yn tsjinst wienen fan it molkefabryk, wienen Dooitsen Dijkstra, Dirk Gooitsens Sjoerdsma, Pieter Faber, Hielke Luimstra, Dirk Kuperus en Ritske Jacobs van der Wal. De lêste twa neamden, binne krekt as Arie, yn it lêstoan, noch trochgien as selsstannigen.
NOCHRIS EAT OER DE STOEPEPEAL steande by MFC “IT STEDHÛS”
earder neamd yn dit e-book. It binne hurdstiennen grize pealtsjes fan mear as 400 jier âld. Sa hat André Buwal- da út Schettens hjir in protte kennis oer. Se wiene ûnderdiel fan de stoepe by wenhûzen, sels by buorkerijen en tsjinnen as hiem ôfskieding. Se waarden yn searjeprodukten makke. Dat is te sjen oan it feit dat der mar 4 of 5 ferskate modellen wiene. Se kamen meastal út stiengroeven yn België. Oant globaal de 15e iuw wiene strjitten, stegen en wegen yn stêden en gruttere doarpen yn Nederlân net plaveid. Dit soarge foar in protte gedoch, rom- mel, modder, fochtigens en ûnfeiligens. Sa binne de minsken begûn de yngongen fan harren hûzen te beskerm- jen. Om te foarkommen dat ynwenners harren tefolle grûn ta-eigenje soene wiene der netskreaune rigels. Yn de measte gefallen mochten hûzenbesitters 3 à 4 foet (minimaal sa’n 85 sintimeter) fan de dyk foar it hûs as stoepe beskôgje. It wie in gewoanterjocht dat al fanôf de midsieuwen jilde dat 3 foet fan de strjitte by it hûs hearde. As steds- of gemeentebestjoeren in iepenbiere stoepe of trottoir oanlizze woenen, dat moast dat neist de partikuliere stoepen. Sa fertelt Buwalda hoe’t se hjir yn ús kontrijen útseagen. De peallen binne der yn in froulike en in manlike fersje. De manlike hawwe boppe oan in ornamint yn de foarm fan in skyld en steane lofts fan de doar, de froulike stiet rjochts en hawwe in ornamint yn rútfoarm en hja binne sa ferbûn oan it hûs mei in planke; it stoepebankje. De meast foarkommende foarm stoepepeal is type B1. It hat yn it midden de Flaamske woartel en boppe de twa heakfoarmige voluten. Voluten binne krul- of spiraalfoarminge fersieringen. Op Skylge is dit noch goed te sjen yn de Commandeurstraat en by it museum yn West. De L.C. fan 29 maaie 1982 skriuwt oer de fynst fan in peal yn Munnikezijl. It pealtsje stiet der no yn dat doarp as fersiering by de leagenbank. Des- kundigen soene der ûndersyk nei dwaan mar hawwe der oant no ta yn alle talen oer swijd.
IT GELEARDE FRYSLÂN - BERLTSUMER UNIVERSITÊRE STUDINTEN (1380 – 1659)
In sekere Petrus út BERLTSUM studearre oan de universiteit fan Rostock (Dútslân) Dizze universiteit is de âldste universiteit fan Jeropa. In Wibrandus oan de universiteit fan Löwen (Leuven) hie oant 1440 in beneficium as vicarius fan Sint Jan te BERLIKUM. In Schelto Roorda, te Löwen, hearskip te BERLIKUM, besit Bonga sate, is jong stoarn. Nollius Haionides te Frjentsjer, (1664) dûmny te BERLTSUM. Balthasar Stuyvesant te Frjentsjer dûmny te BERLTSUM (1634-1637) krige in pansie fan 77 c.g. In Baucke Suffridi, te Rostock, yn 1548 prebendaris te BERLIKUM. In Theodorus út BERLIKUM te Frjentsjer krige yn 1606 in pensi fan 42 pûn. In Theodoricus, yn Parys, jur. pastoar te BERLIKUM (1352-1369) soan fan begoedige en honeste âlders. Gotho-fridius Viglius te Frjentsjer, yn 1657 dûmny te BERLIKUM. In Cornelis Harentsii Vogel (Foogel) te Frjentsjer lit. Jur. û.o. notaris fan it Bilt en BERLIKUM, volmacht Landdag voor het Bilt en lid fan de Admiraliteit fan Fryslân. Tading van Adeelen, te Köln, jur. bewenne letter Hemmema state te BERLIKUM. In Anconis (1506) te BERLI- KUM Lyts Amkema ? In Löwen (Lodder ?) frater ord. Premonstraters yn Frisia (Fryslân) yn 1476). Cornelis Viglus te Frjentsjer fan BERLIKUM (foar 1623). IJSbrand Harderwijk, te Wittenberg, pastoar te BERLIKUM en kleasterling te Lidlum (1569). In Fredericus Foppinga (is berne yn 1508) te Rostock, pastoar yn BERLIKUM. Gajus Haionides, te Frjentsjer, dûmny te BERLIKUM (1658-1666). In Taconis Heemstra te Rostock (1506-1514). Dominicus Hemmema, te Douai (Frankryk) . Betellet yn BERLIKUM yn 1578 12 c.g. personele compositie. Vincentius Hempenius, te Frjentsjer, dûmny yn BERLIKUM (1641) Kaam yn konflikt mei ds. Artopeus fan Frjentsjer. In sekere Wilhelmus út BERLIKUM (1519). In Reinerus te Rostock, út BERLIKUM (12-6-1506). Cornelis Heijnama (Heinema) te Frjentsjer, alumnus, (1646?) fan Belcomanus (BERLIKUM). Henricus Hinckena te Genève 12-6-1584, dûmny te BERLIKUM. Homminga (Hommynga) te Rostock (1474 ?) liet boeken nei oan de tsjerke fan BERLTSUM en is besibbe oan mr. Pibo te Dronryp. In Hillebrandus (Hildebrandus) te Rostock, pastoar te BERLTSUM. Reynerus Jacobi te Rostock fan BERLTSUM, waard op 21-5-1513 ta preester wijd. Eno Belcumensis (fan BERLTSUM), 13-1-1645, Frjentsjer, wie letter lânmjitter. In Laurentius te Rostock, 20-11-1516. Schelto Andla Latzema (Latzen) te Rostock. Yn BERLTSUM wennet yn 1564 in Bernardus Latzema. Ek wenje der besibbe Latzema’s yn Seisbierum. In Petrus BERLECKUM te Löwen op 25-2-1472. In Petrus BERL- ECKEM op 25-2-1472 te Löwen (kin ferwize nei Leuven yn België). Hermannus Luingha te Frjentsjer, letter dûmny yn BERLTSUM (1583) en Snits, Gregorius Mees, te Groningen, letter dûmny te BERLTSUM (1656-1657). In Petrus Meinardi (1512) te Rostock waard op 15-12-1525 te BERLTSUM ta preester wijd. Klaas Johannes Monsma te Frjentsjer letter dûmny te BERLTSUM (1622). In Petrus te Rostock ôfk. fan BERLTSUM (18-11-1511) waard op 22-5-1513 ta preester wijd. It reizgjen fan al dy studinten gie haadsaaklik te foet.
Aadlike jongelju learden op harren “studzjereizen” yn it bûtenlân (Dútsklân, Frankryk, België etc. ) kultuer, sa tinke wy, en brochten dy ek yn Fryslân. Yn 1657 skriuwt b.g. Agatha Tjaerda van Starkenborgh, de frou fan Georg thoe Schwartsenberg en Hohenlansberg út Bitgum oan har twa soannen Johan Georg (1639-1723) en Georg Wolfgang (1638 – 1674) te Heidelberg dat hja ek Dútsk en Frânsk leare moatte en it net goed is om mar alline Frysk prate te kinnen. As de twa jonges yn 1656 nei Heidelberg ta geane, om dêr wat te studearjen, it hynsteriden te learen en in militêre oplieding te krijen, warskôget de mem tsjin it fjochtsjen, sûpen, mar ek insonderheit “voor die verflouckte taback”.Wy lêze ek dat Schwartsenberg âlderling wie en nei de provinsiale synoade reizge.
NOCH EAT OER IT BERLTSUMER KLEASTER ANJUM
It kleaster is yn 1580 ôfbrutsen. It stie op in hichte fan sa’n 5,5 meter. Fanôf 1865 is men begûn de terp ôf te graven en yn 1906 wie dêr it hichtepunt wat de ôfgraving oangie. Der waard sa’n 40.000 ton modder ôfgroeven en mei modderskippen fuortfearn nei oare kontrijen. De pleatsen fan Arjen Boukes Roorda en fan Jan Sybes Hiemstra steane der noch. De pleats fan Hiemstra hjit no “Hynstehiem” en wie earder in kop-hals-romp buor- kerij. It earste súvelfabrykje fan Fryslân waard yn 1860 yn it Kleaster Anjum oprjochte troch de hearen Arjen Boukes Roorda, Wiebe Jans Anema en Jouke Swart yn de letter troch de sibbe Elzinga bewenne pleats dy’t fan Minnertgea ôfkomstich is. Jouke J, Swart wie letter de oprjochter fan it Berltsumer súvelfabryk oan de Bitgu- merdyk wêr’t no karosseriebouwer Rondaan syn bedriuw hat. Dit bedriuw wie foarhinne fêstige yn Bitgum oan de Berltsumerdyk. Yn it Kleaster stie foarhinne ek in tolhûs wat yn 1951 ôfbrutsen is. It Kleaster waard earder as doarp oantsjutten omdat der in tsjerkje stien hat. Tsjerke en doarp earden fanâlds byinoar. In doarp waard ek wol in karspel (tsjerkemienskip) neamd. (Tink oan de gemeente Achtkarspelen besteande út 8 doarpen). Út it tsjerkeguod waarden net allinne typyske tsjerklike dingen betelle mar ek wol waarden der b.g. wegen oanlein en diken ûnderhâlden. Ek oan skoalgebouwen waard (mei)betelle. No is it Kleaster Anjum in gehucht ûnder BERLTSUM en is in strjitnamme fan BERLTSUM wurden. It doarpskip fan Kleaster Anjum is yn 1963 oergien nei Bitgummole wat dêrtroch fan gehucht no in selsstannich doarp wurden is. In bulte doarpen hawwe yn eardere tiden ek eigen flaggen en wapens hân. De dyk tusken BERLTSUM en it KLEASTER ANJUM hjitte earder de Franekerweg en wurdt no de Kleasterdyk neamd.
MOAREKOPPEN
( Roorda – van Gelder)
De skiednis meldt dat de Saracenen (de Moaren) ûnder in Moarske prins striden tsjin ridder Roorda fan Ginnum, de krúsfaarder dy’t stride tsjin it heidendom. Ridder Roorda wist de Moarske prins, dy’t fan grutte ôfmjittingen wie, te deadzjen. De ridderoarder stie him ta om fanôf dat momint de Moariaanske kop yn syn sibbewapen, skyld en findel te dragen. Yn Ginnum lizze ferskate Roorda’s yn de tsjerke begroeven en der leit in tige grutte grêfstien mei in blyndoekte Moarekop. Ek yn Tsjummearum wennen Roorda’s. De ferbining fan beide sibben is neffens de oantekening fan Douwe Roorda (1536-1601) sa om 1100 hinne te sykjen as ien sibbe. In Karel van Roorda stiet bekend as in Fryske frijheidsstrider. Hy wie berne yn 1530. Hoewol’t syn heit mooglik net fan Fryske ôfkomst wie, wie syn mem dat wol. Hja wie fan Gelderske adel. Karel van Roorda wie yn Fryslân de opponint fan greve Willem Lodewijk van Nassau. (de saneamde Roordisten). Yn BERLSUM wennen earder ek Roorda’s.
De stamheit fan de van Gelders wenne yn Charlois. Stamheit Bastiaan Adriaans soan Gelder moat om 1565 hinne berne wêze en wurdt al yn 1611 te Charlois neamd. De komôf fan dizze sibbe is net bekend. It soe kinne fan út Gelderlân. Gjin bewizen. Dúdlik is dat de sibbe in soarte fan kompanjonskip yn it oannimmen fan grûn en wetterwurken foarmde dy’t mooglik berêste op in lange sibbetradysje. Ynljochtingen jouwe oan dat yn it ferliene bepaalde sibben sekere privileezjes takend wiene dy’t fererfden fan heit op soan. Merkweardich is dat mei de ynpoldering fan it Bilt (1505 – 1508) de sibbenamme Gelre, van Gelder of Gelder ûnskiedber ferbûn is. Yn BERLTSUM wennen ek van Gelders. Data út 1621 en 1686 út de sibbe Gratama (besibbe oan de van Gelders) dogge de fraach ryzgje hoe’t de namme Seps yn Fryslân kommen is. Dizze sibbe neamde harren hjir sels Van Gelder of Gelder. (Oantekeningen fan H. Sannes de skriuwer fan 4 boeken oar it Bilt). Wapen oerienkomsten tusken de sibben Seps en Van Gelder en de oan harren sibbe van Haaften binne opmerkelik. Beide sibben fiere blyndoekte Moarekoppen. Dat twa fier ôflizzende plakken yn it lân Moarekoppen fiere is wol opmerklik.
De yn de Koepeltsjerke fan BERLTSUM op in Hearenbank steande blyndoekte Moarekop kin dus wize op de sibbe Roorda mar ek op de sibbe Van Gelder. Beide sibben hawwe yn BERLTSUM wenne. De lêstneamde sibbe is it meast foar de hân lizzend, tink ik. Yn BERLTSUM wenne destiids in Cornelis Thys soan (hy hie as sibbe- wapen in earn en in blyndoekte Moarekop) , hy wie troud mei in Lolck Hessels, wie skuonmakker en siet yn 1698 as meirjochter (bysitter) yn de gemeenterie fan Menameradiel. Lolck Hessels wie de widdo fan in Claes Janssen “by de mole”. Cornelis Thyssoan (van Gelder) syn namme en wapen stiet as 9e op de grutte tsjerkeklok, no hingjend yn Mannheim. Hy wie tige begoedige en besiet in protte lân en hûzen en wie foar de helte mei-eigner yn de pleats “Skilwolde” te BERLTSUM. Syn heit wie ek skuonmakker op it Bilt, wenjende yn Sint Jabik. Cornelis Thys soan wie ek besibbe oan de sibbe Gratama.
SCHWARTZENBERG
De von Schwartzenberg en Hohenlansbergs hawwe in protte ynfloed hân yn BERLTSUM. Hja wennen lykwols net yn BERLTSUM mar yn it buordoarp Bitgum op “Great Terherne”. Dat yn it midden fan de 19de iuw ôfbrutsen is. It stie tusken Bitgum en Bitgummole op wat no in sportterrein is. Yn in beskriuwing út 1630 kinne wy gewaar wurde dat de huzing mei in laaien tek dutsen wie. Der wie ûnder in foarhús, in ytseal, noch in seal, in grutte keamer, in pear kabinetsjes, in leskeamer (de bern krigen privéles) ek wol it “skoaltsje” neamd. In kan- toar, in wapenkeamer en in kleansouder. Dan wiene der noch trije toerkeamerkes etc. ctc. Der wie in poarte- gebou mei in bregje derfoar, in koetshûs, in brouhûs en in waskhûs. Ek wurde noch apart neamd in fleis- en in molkenkelder en in moalsouder. Sa wie der ek noch in bibleteek, wêr’t nei alle gedachten it argyf fan de eardere Berltsumer krústsjerke (tydlik) ûnderbrocht wêze soe. Der lei ek in tige goed fersoarge tún omhinne. Ferskate skildere famyljeportretten hongen oan de wand. De neiste sibben hongen tichteby en de fierdere sibben ek wol boppe oan. Wy hearre ek, dat men faak presintsjes joech yn de foarm fan portretten. As der in hiel moai geskink jûn wurde moast wurdt der tocht oan in Moariaantsje, in libbend Moariaantsje. En dan wol skildere as in lyts famke. De sibbe is fan Dútske komôf. De sibbe hie, lykas de measte eallju, in hûs yn de Greate Tsjerkestrjitte yn Ljouwert. Hja hiene in protte amten te ferjaan. Yn BERLTSUM besieten se ferskate stimhawwende hûzen. Ek In protte stimhawwende pleatsen mei in protte lân dêrom hinne. As hja in doarp twongen om nei harren pipen te dounsjen dan wienen de rapen gear. De sizwize wie : “In doarp mei in hear is in lok, in hear mei in doarp faak in flok”. Ik ha dit yn BERLTSUM net gewaar wurde kinnen. Likemin as mei de aadlike sibbe van Hemmema. Hja hienen wol in grutte ynfloed yn it doarp. As der stimd wurde moast waard der in protte kûpe (lobbye) om de geunst fan de stimmer. Persoanen út de âlde Fryske oeradel waarden “haadlingen” neamd, Hja moasten yn de 16de iuw harren macht noch diele mei de geastlikheit. Nei de Reformaasje is dit tige feroare. Haadlingen wen- nen dêrfoar yn stinzen op de saneamde stinswieren (noch ien te sjen oan de Sânwei), de eallju letter yn de folle gruttere mei wetter en prachtige túnen omfieme kastielen (sjoch yn Marsum it Poptaslot). It feilige wenjen wie tige wichtich foar harren. Foaral yn de stinzentiid gie it der somtiden mâl omwei. In protte ûnderlinge skeelen waarden dan ûnder harren tige goed bewapene lytse legerkes útfochten. Foaral yn de tiid fan de Skieringers en Fetkeapers. Yn Hollân gie dat tusken de saneamde Hoeksen en de Kabeljouwen. De lêste hjir yn Bitgum wenjend hawwende Schwartzenberg is letter nei Velp ferhúze. Sjoch by Velp yn dit e-book.
IT BERLTSUMER WETTERHÛNTSJE
BERLTSUMERS hawwe as bynamme “hûntsjes”. Men wol wol hawwe dat de bynamme ôflaat is fan it sibbe- wapen van de Hemmema’s. Yn it wapen steane twa opsteande wynhûnen ôfbylde. De bisten waarden brûkt by it jeijen ûnder de jacht. It jeijen wie net frij. In protte eallju hiene hjiryn it privileezje. Dit sil mei de Hemmema’s ek it gefal west hawwe, tink ik. Mar by de jacht waarden ek wol wetterhûntsjes brûkt. By it jeijen, it saneamde “jeije foar de foet”, de sykjacht, mei de opsteande hûnen fûn it meast plak op de klaai. Dat wie yn BERLTSUM ek altiten sa. “Driuwjachten” fûnen wer op in protte oare plakken plak. Der binne ek oare ferhalen dy’t fertelle hoe’t de Berltsumers oan de namme “hûntjes” kommen binne. Dêr sil ik mar net fierder op yngean. Wy hearre ek fan Dôwematten foar gibben yn poartegebouwen fan de eallju en by tsjerken. De dowestront is tige frucht- ber. Ik kin hjirfoar gjin oanwizingen fine yn de Hemmemapoarte.
De jacht stie allinne iepen foar de hege hearen en foar de eigenhierde boeren. De gewoane man moast it fan it streupen hawwe. Dy stienen hjir yn BERLTSUM dan ek bekend as streuper. De lêste hjir yn BERLTSUM my bekende “mei de foet” jeijers mei it jachtrjocht wienen winkelman Frans Pieters Haarsma en Wytze Wassenaar.
De njoggen jachtpeallen fan de Steedhâlder, ek wol limytpeallen neamd, stienen oant 1795 op de tagongswegen nei it Bilt hinne. Hy hie der it jachtrjocht. Ien dêrfan stie yn BERLTSUM op de grins fan de eardere gemeenten it Bilt en Menameradiel oan de Biltdyk. Tusken Minnertsgea en WIER stie ek ien en krige de namme “Moaie Peal”. De peallen wiene tige moai opferve en dêrop mei it buordsje (wapenskild) oanjûn : “Stadhouders vrije jagt”. It tilt yn de 17de ieu op fan de plakaten, dy’t de jacht regelje. Op oertrêdigen stienen hege boetes en dy kamen in protte foar.
OP’e ROASTER
Sa hjit de Berltsumer doarpskrante. Op in protte tsjerkehoven wienen oeral roasters te finen by draaistekken. No ek noch yn Stiens. Men wol wol hawwe dat dy yn ferbân mei de duvel oanbrocht binne. Dy mocht net yn de tsjerke en ek net op it tsjerkehôf ferskine. Mar it is better om oan it der op de tsjerkehoven fakentiden losrin- nende fee te tinken. Ek waard wol allinne it hea fan it tsjerkehôf ferkocht. By dy roasters waard destiids troch de minsken in protte nijs útwiksele. Foaral foar de tsjerketsjinsten as men der stie te wachtsjen op it iepengean fan de tsjerkedoarren.
DE SKOALLEN
De iepenbiere skoalle waard destiids ek wol “de algemiene skoalle” neamd of somtiden ek wol de “grifformear- de skoalle”. De skoallen stiene meastal deun by de tsjerke, dat wie yn BERLTSUM ek sa. Hjir sawat heal op it tsjerkehôf wêr’t no it (Herfoarmd) Sintrum en de aula steane as ien gebou. De tsjerkfâlden ûnderhâlden de skoalle en it haad fan de skoalle en stie ûnder tafersjoch fan de dûmny. Dy bân is letter ferbrutsen en waarden de legere skoallen “Steatske skoallen” neamd. De legere skoalle moast eartiids helpe, om de bern ta goede lidmaten fan de tsjerke te meitsjen. Se learden Bibellêzen, Psalmen sjonge en harren waard yn de Heidelberger Kategismus ûnderwezen. De skoalmaster moast fungearje as boade fan de tsjerkfâlden, as byhâlder fan û.o. de (contra) tsjerkeboeken en it ledenregister, wie foarsjonger en foarlêzer by it tsjerkebuordsje en moast oargel- spylje kinne. De lêste dy’t hjir oan foldwaan moast wie master Groenewold. Hjir yn BERLTSUM is in strjitte nei him neamd. It ûnderwiis wie tsjerklik d.w.s nei dy fan de grifformearde lear. Leararen moasten in ferklearring tekenje, dêr’t út blieken die, dat hja goed grifformeard wienen en boppedat moasten hja sneintemoarns mei de bern yn’e skoalle gearkomme, om dan yn optocht nei tsjerke ta te gean, dêr’t de bern mei de skoalmaster yn in aparte bank sieten. Hy hie dan meiien it tafersoch op de bern. Doopsgesinden en Roomsken waarden dêryn ek ûnderwezen mar koene der fan frijsteld wurde. Doe’t de skoalle “neutraal” wurden wie, wie dat dus foar de Doopskgesinden in útkomst. As lytse mienskip wienen se net yn steat om eigen skoallen op te rjochtsjen. Dit lei mei de roomsken oars en hawwe dat doe dan ek yn de harren gruttere mienskippen dien lykas de rjochtsin- nigen op in protte plakken ek dien hawwe. Op in protte plakken is de iepenbiere skoalle de tsjerke trou blean. Fandêr dat de Herfoarme tsjerke, dit yn tsjinstelling ta de Grifformearde tsjerken, harren dan ek nea as foarstanner foar kristlike skoallen útsprutsen hat. De frijsinnigen (en de ûntsjerkliken) bliuwen de iepenbiere skoalle trou. Rjochtsinnigen rjochten eigen kristlike skoallen op, sa ek yn BERLTSUM. Foar trochgeand ûnder- wiis wienen de Berltsumers earder op Ljouwert en Frjentsjer oanwezen. Sa moast Pyter Stuyvesant al folle earder earst nei Ljouwert ta rinne om de Latynske skoalle te besykjen en letter te foet nei Frjentsjer om de Universiteit dêr te besykjen wêr’t ek de 3e fan de sân frije keunsten (it Latyn, logyka en retoarika) ûnderwezen waard neist û.o. de oplieding ta dûmny.
ORANJE NATIONAAL
bestie yn 2021 75 jier. Troch de coroana epidemy waard dit in jier letter pas fierd. It waard in grut sukses troch eigen ynbring út it doarp en wat tige slagge is. It HIELE doarp wie wer yn it spier west en ek foar ALLE SKOAL- BERN wie der wat te rêden. Dit hat wol oars west. Fandêr it sinsje “Oh, dy Berltsumers fan doe !” Yn it iepenbier ûnderwiis waard bepleite dat net allinne godtsjinstich, mar ek polityke neutraliteit yn harren findel thús hear -de. De bedoeling wie dat se allinne net-Kristlike feestdagen betinke soene by harren ûnderwiis (prof Hofstede de Groot is troch de minister ûntslein, omdat hy de ûnderwizers oanspoard hie, dit wol te dwaan.) Mar ek de jierdei fan de keninginne moast as ûngemurken foarby gean. Yn 1916 wie keninginne Wilhelmina oan it regear. Har jierdei foel op 31 Augustus fan it jier. In notabele út BERLTSUM en foarstanner fan de kristlike skoalle die it foarstel in bernefeest te organisearjen, elts jier, foar de learlingen fan de beide Kristlike skoallen hjir mei dy fan de iepenbiere skoalle. It antwurd wie : goed, it folgjend jier op 31 augustus. Mar dat koe net want dat wie de Keninginne har jierdei en op harren jierdei in feest, mei Oranje en it Wilhelmus natuerlik, dat wie foar de iepen- biere skoalle net ferienichber. Hja hâlden harren eigen skoalfeest op in oare dei. De godtsjinstige en polityke neutraliteit waard oanfurde en ferdigene, tsientallen jierren lang en ek op in protte oare plakken. Dit waard yn 1936 al loslitten yn it samlik hâlden feest hjir by it houlik fan prinses Juliana mei prins Berhard. Yn 1946, in jier nei de befrijing, is dit lokkich ek al net gjin punt mear. Hjir waard de feriening Oranje Nasjonaal oprochte mei 4 bestjoersleden út alle 3 skoallen, Sa waard it HIELE doarp fertjintwurdige by de bernefeesten (en de lettere sa- neamde doarpsfeesten) op Keninginnedei, op befrijingsdei en oare betinkingsdagen. No spilet dit lokkich alhiel net mear. Ienriedigens is no it wachtwurd, boppe alles, al hat elts syn eigen oertsjûging.
JILDINGSDRIUW
Op in protte plakken – foaral yn de Greidhoeke – op de lytse doarpen lieten de grutte boeren fan harren heare. Hja wiene foaral liberaal yn harren tinken en twongen “de lytse man” nei harren pipen te dûnsjen. Mar ek op gruttere plakken wie dit it gefal. Sa lieten bgl. yn Bitgum/Bitgummole de van der Schaafs in protte fan harren heare. Yn BERLTSUM wie dit ek sa. Foaral Leendert Pieters Runia wie in man mei grutte jildingsdriuw. Dit spile foaral yn tsjerke en skoallesaken mar ek yn de polityk. Sa wie hy ek in grut fûleindich tsjinstanner fan de oprjochting fan feilingferiening “De Afslag”. Doe’t hy dit net tsjinhâlde koe is hy dêr letter dochs noch mar yn meigien. (sjoch it jubileumboek Een halve eeuw “De Afslag”) It wie beslist net út solidariteit sa is my oerlevere, hy wie in neef fan myn oerbeppe Sibbeltje Dirks Stienstra. Hy wie keapman en hysels koe tsjinoer de túnkers sels de priis bepale. Dit wie no fansels ôfrûn. De túnkers waarden troch him en in protte oare keaplju dêrtroch tige útklaaid. Guon túnkers binne nei Noard-Hollân west om te sjen hoe’t hja dêr harren feiling oprjochte hienen. Se krigen dêr no de priis foar harren produkten dy’t hja fertsjinne hienen. Earlike prizen dus. My is fan myn oerbeppe it sizzen oerlevere : “Leendert syn jild komt net yn it tredde geslacht, want hy hat it fan de túnkers stellen”. Dit sil mei de Bibel te krijen hawwe, tink ik. Mar ik koe hjir lykwols net efter komme.
DE BOARTSJENDE MINSKE (DE HOMO LUDENS)
It minskdom begjint al tige jong mei boartsjen mar siket ek ûntspanning. Dat is yn BERLTSUM net oars. Wy boarten in soad op de dyk. Keatse, balje, hinkelje, trochfleane, sideplakjehonk, slingerje, toulûke, knikkerje. Hoepelje, steltrinne en neam mar op. Folle ferkear wie der noch net. Letter waard dit ferbean. De 3 plysjes giene wit hoe faak mei de fyts oan de hân it doarp troch en seach dêrop ta. Yn BERLTSUM waard in protte oan gymnastyk dien en in protte keatst. It keatsen fûn it meast plak op strjitte (it strjittekeatsen) Letter waard troch de feriening fan folksfermaken (de V.V.V.) de keatspartijen hâlden op in keatsterrein, it earste terrein rjochts oan de Biltdyk fanôf de Bitgumerdyk. De letter oprjochte kristlike keatsferiening (“Wardy”) hâlde harren keatspartijen op it troch harren fan de Herfoarme tsjerke hierde keatsterrein rjochts hast op it ein fan de Biltdyk. By doarpsfeesten waard it V.V.V. terrein it meast brûkt. Omdat de terreinen op it Bilt leinen waard by somlike gelegenheden de “fermakelingsbelêsting” dan ek troch de gemeente it Bilt opstrutsen. Dit ta spitiging fan de gemeente Menameradiel. Doe’t der op de Buorren keatst waard giene, de troch de skuonmakker makke keatseballen, gauris troch de rúten. Dan waarden de blinen tichtdien. Oare sporten wiene hjir net te finen. Sa as mei it keatsen wiene hjir ek twa (grutte) gymferienings. It polsstokspringen en draakjefleanen fûn plak bûten it doarp. Yn ‘e hûs waarden troch guon húsmuzyk makke en troch oaren waarden in protte spultsjes dien. Der wie ek it ûnderskie tusken de tiden fan it jier. Letter oan it ein fan de 19de ieu binne hjir, krektas op in protte oare plakken, twa muzykkorpsen ûntstien. Ek is hjir in strykorkest west û. l. f. master Groenewold en dêrnei û.l.f. molkesútelder Pieter Faber. No binne der noch ferskate oare ferieningen bykommen as bygelyks de fuotbalferiening, de tennisklup, de kuorbalklup. Doe’t de tillevyzje harren yntree die is der noch folle mear (passyf) fermeitsjen ûnstien. En no moatte wy de “tillefoantsjes” (mobielsjes, smartphones) ek net weipoetse. In protte, sawol jonge as âldelju, binne hjir no tige oan ferslave rekke en kinne der net mear sûnder (tinke se).
IT KÛPJEN
“Politycke kuyper onses tydts” wie in annonym boekje printe by de Ljouwerter boekferkeaper Claude Fonteine. Lang taskreaun oan Bernardus Alting, Petrus Baardt of Claude Fonteine. Yn 1710 ferskinde de 2e printinge. Tsjintwurdich wurdt dit lobbyen neamd. Sa wie de Berltsumer dûmny Balthasar Johannes Stuyvesant in grut tsjinstanner fan de kûpjende grytman fan Menameradiel, Tsjerck van Heerma. It wie harren om de macht te dwaan. Dat hat ek bliken dien doe’t dûmny Stuyvesant troch him nei Delfsyl “ferbanne” waard. Dit nei oanlie- ding fan in preek yn in middeiske dooptsjinst wêryn’t grytman van Heerma troch him op syn donder krige en te kyk setten waard. Sa as earder yn dit e-book beskreaun. Sa fertelde myn heit dat by de ferkiezing of werkiezing fan nije tsjerkfâden guon yn BERLTSUM wol smokerij útdielden mei de opmerking “Jo tinke straks dochs wol efkes oan my, tink ?” It amt fan tsjerkfâld wie tige in pree. It wie in kolleezje wat bûten de tsjerkeried stie. Hja sieten net yn it stek mar efteryn de tsjerke yn de hearebank. By it skriuwen waarden hja H.H. hearen tsjerkfâl- den neamd d. w. s. Hege Hearen tsjerkfâlden. Yn in protte tsjerke en doarpssaken hienen se, foaral yn it ferline, in protte ynbring. No hawwe wy de feriening “Doarpsbelangen”.
Strjitte DE ISERMAN
is neamd nei it eardere op dit terrein stien hawwende mechanisaasjebedriuw fan de bruorren Siderius, op de hoeke fan de Bitgumerdyk en de Biltdyk. De namme Siderius betsjut Iserman of metaalbewurker. Hja stamme ôf fan in Noldus Mathijs, in Eisenmann (1525-1550) dy’t fan Remagen út Dútslân nei Nederlân kaam as metaal- bewurker.
DE POEPEDYK
earder yn dit e-book neamd, leit as ferbiningspaad tusken de Ir. C. M. van der Slikkeleane en de Kwekerijleane. Poepe komt fan it Dútske wurd Bûbe wat jongfeint betsjut. Hja fungearren hjir yn drokke tiden (ûngetiid) tydlik as gastarbeiders. It swiertepunt lei yn de 19e ieu. Se wurken yn allerhanne yndustrieën, of as wevers, mars- kreamers, De seizoenmeanders waarden ‘mieren’ neamd en kamen faak út East-Fryslân, de tichelwurkers út Lippe en de wevers en marskreamers út it Eemslân, Münsterlân en it Boppe-Weser gebiet. In protte fan harren hiene in agraryske eftergrûn. Keaplju as de wevers, marskreamers (lapkepoepen) wiene faak Roomsk en wiene soms tige begoedige. De Poepedyk gie as kuierpaad oer op it Menamerpaad en fia de Sânwei nei Menaam, mar ek as kuierpaad nei Bitgum en sa wer op nei Ljouwert ta.
SKOALMASTER
Sytse Annes Ypey is hjir yn 1799 koster, foarsjonger, oargelist etc te BERLTSUM. Der binne sa’n 60 – 80 learlingen. De jierwedde is fl. 236,- as oargelist. 15,- as foarsjonger en eltse moanne lêzen fl.5 stoeren. Út de tsjerkekas fl. 200,- en fan it kosterslân 55,-
Nederlân
0 divisjes
676 geskut (stiks)
1 tank
124 fleantúgen
0 pantsertreinen
280.000 manskippen
Dútslân
22 divisjes.
378 geskut.
759 tanks.
1150 fleantúgen.
6 pantsertreinen.
750.000 manskippen.
CENTRAAL ARCHIEF BIJZONDERE RECHTSPLEGING.
Yn dit SINTRAAL ARGYF kin men in protte gewaar wurde fan de eardere lânferrieders (N.S.B.-ers) fan destiids. Hja sille net alles witten hawwe oer wêr’t ús lânsgenoaten, de Joaden, nei hinne fierd waarden, se sille sûnder it oer de gaskeamers te hawwen, witte kinnen dat it in radikale, antisemityske, geweld ferhearlikjende en antide -mokratyske partij wie en mei it geweld wat dêr dêrút fuortfloet.. It feit dat men him/har oanslút by sa’n partij betsjut dat je dan EK DE FERANTWURDLIKHEID DRAGE foar it geweld wat dêr út fuortfloeit, of dat no it ultieme geweld is fan de gaskeamers of it lytse geweld – tusken oanhellingstekens – fan ûnteigeningen, ferfol-gingen e. d.
Samar inkelde (ek fertochte) nammen dy’t yn dit argyf foarkomme en wer’t ûndersyk nei dien is : Cornelis Hoekstra, berne op 12-2-1923, Wytze Wassenaar, berne op 18-4-1923, Simon Wassenaar, berne op 4-2-1919, Rein Schiphof, berne op 7-3-1901, Marten Kuik, berne op 22-7-1920, Tjitske Looijenga-Schiphof, berne op 29-4-1903, Antje Sijtsma - Rotgans, berne op 2-5-1906, Ruurd Braaksma, berne op 24-1901. As earder yn BERLTSUM berne en no oars wenjende fertochten of by de oarloch belutsenen wurde neamd in Sikke Ynzes Lautenbach (Stiens) en in (skipper) Mindert Zwart.
DE BERUCHTE (GIELE) JOADENSTJER (*
wie yn de konsintraasjekampen foar de Joaden weilein. Foar politike finzenen in reade trijehoekige, foar de homo’s in rôze, foar de Sinti en de Roma in brúne, foar de krimminelen in griene en foar de asjosialen in swarte. Sa waarden de finzenen tsjin innoar útspiele en ûnderdrukt. Ek no noch wurde, as ik goed om my hinne sjoch, opnij minsken yn hokjes stopt en marginalisearre. It minskdom hat neat leard fan it ferline.
(* It dragen fan in ûnderskiedingsteken waard de Joaden al earder oplein. Yn 1179 waard troch it 3e Lateraansk Konsily besletten dat de Joaden net by kristenen wenje mochten. Hja libben yn saneamde ôfsûnderlike Getto’s. Yn 1215 waard troch ditselde Lateraansk Konsily it beslút naam dat de Joaden in GIELE hoed of in GIELE lape op harren klean drage moasten.
OP SNEIN
21 jannewaris 1945 fûn in razzia plak ûnder de tsjerketsjinst yn de grifformearde tsjerke oan de Wiersterdyk yn BERLTSUM. 17 mannen oant 50 jier âld ta waarden oppakt. It wienen û. o. om mar in pear te neamen : Feike Born, Harke Terpstra, Klaas Wiersma, Pieter Boates Algra, Yge Smits, Harm Kooistra, Rinse Lont, Feike van der Schaaf en Engele Visser. Hja moasten nei Drinte (Dwingelo en omkriten) te putsje (greppels) graven om as wjerstân te tsjinjen en as stipe foar de Dútske ferdigening. Neamde Yge Smits hat it net lang oerlibbe, hy stoar al op 15-4-1945. Oargelist Jan Jans van de Meij (earder neamd hjiroer yn dit e-book) wist de dûns te ûntspringen troch yn it oargel te springen. Jeltje D. Renzema gie fluch efter it oargel sitten. Der waarden boaden stjoerd nei de Herfoarme tsjerke om de minsken te warskôgjen, sadat de jonge manlju harren dêr gau fuortmeitsje koenen.
KOERIERSTERS
wienen tige wichtige en moedige fammen yn it ferset. Ien hjirfan wie Maartje (Martha) Kolk. (1920-1995) Hja wie de dochter fan de Âldebiltsylster kastlein fan it “Graauwe Paard”. Hja hie har ferloofde yn de oarloch ferlern trochdat dy yn Mearum op in myn trape wie. Dêrnei wie hja troud mei Jarich Siderius dy’t letter yn de jierren 70 mei syn broer Pieter Siderius nei BERLTSUM ferhúze wie. Jarich wenne oan de Hôfsleane en Pieter oan de Mulseleane. Hja hienen op de hoeke fan de Biltdyk en de Bitgumerdyk in tractoaren garaazje (Massey-Fergu- son), yn it eardere pân fan garaazjehâlder Hille Nijland, dy’t nei it Europlein yn Ljouwert ferhúze wie. Yn Âldebiltsyl kaam se yn kontakt mei fersetslju w. û. de Berltsumer feilingsdirekteur Johannes Don dy’t oan de Hôfsleane wenne. Hja waard frege of’t se yn it geheim bonkaarten ophelje woe. Dit waard troch harren oan- naam en letter ek op oare plakken hat se dit dien. It wie in moedige frou (Berltsumer).
DE P.O.D.
De Politieke Opspoarings Tsjinst wie fêstige yn it eardere hûs fan de dames Schonegevel op de hoeke fan de Hôfsleane en de Tsjerkestrjitte. Dêr koene meldingen dien wurde fan ûnrjochtingheden dy’t plak fûnen yn de Twadde Wrâldoarloch. (sjoch ek de Oarlochstribunalen yn dit e-book) Net allinne de leden fan de N.S.B. as ferrieders, mar ek guon minsken dy’t misbrûk makke hienen fan in oar syn omstannichheden, sa as swarthan- nelers en dy’t foar de Dútsers wurke hienen koene dêr oanjûn wurde. Ik tink net dat hjir in protte gebrûk fan makke is. It is my yn elts gefal net bekend wurden. De saneamde “ferkearde Berltsumers” binne hjir al gau wer en sûnder rankune troch de Berltsumers yn de mienskip opnommen.
DE DEADENBETINKING
By de formule dy’t oplêzen wurdt by de Nasjonale Betinking op de Dam gie it nei de oarloch allinne oer omkom- men fersetstriders, militêren en seelju. Fanôf de jierren 60 kamen dêr ek by de ferfolgingsslachtoffers, sa as de Joaden, de Roma en de Sinti. It oantal te betinken groepen waard yn de rin fan de tiid hieltyd fierder útwreide, mei as lêste groepen de slachtoffers fan it koloniaal geweld, guon yn oarlochsituaasjes en by fredesmissys.
“IK HA DER NEAT GJIN KWEA-AARDIGENS YN SJOEN”
De Dútse Ferdinand aus der Fünten, de SS’r dy’t ûnder de Twadde Wrâldoarloch de deistige lieding hie oer de deportaasje fan tsientûzenen Joaden út Nederlân wie ien fan de beruchte “TRIJE FAN BREDA”, en siet mear as 40 jier finzen yn de Koepelfinzenis fan Breda. De âld-Berltsumer dûmny Albert Herman Knottnerus (1944-1947) hat dêr jierrenlang wurke as finzenisdûmny. Der is in fragmint bekend fan Ferdinand aus der Fünten te hearren wêryn’t hy ûnder in rjochtsaak seit : “Ik ha der neat gjin kwea-aardigens yn sjoen”.
IT BEFRIJINGSFEEST
op 20 juny 1945 waard grut fierd yn BERLTSUM. Om acht oere waard der (heech) fan de toer blazen. Dêrnei fûn der in yntertsjerklike gearkomst plak (in tsjerketsjinst koe doe noch net) yn in loads fan A. A. Boomsma. Om tolve oere gie der in grutte (* Histoaryske en Allegoaryske Optocht troch it doarp. De middeis fûnen derop de Folks- en Berneboarterijen op it sportterrein fan de V.V.V. plak en dêrnei in demonstraasje fan de Gymnastiek- feriening “BERLIKUM”. De jûns wer fanôf it Feilingsterrein de werhelling fan de optocht. It tema wie “Frijheids- helden.” It selsskip DE VRIES út Bitgummole fierde it Fryske spul : “De tiid hâld gjin skoft” op, ek wer yn de loads fan A. A. Boomsma. It feest waard de jûns om tolve oere ôfsletten mei in grut fjoerwurk op it Sportterrein.
(* yn dizze optocht stiene de frijheidsstrider sintraal. It wie de stammem fan de Nassou’s , Juliana van Stolberg (1525), Willem van Oranje, Vader des Vaderlands (1575) Kening Willem II. , de held fan Quatrebras en Water- loo (1825), George Washington, strider yn de Amearikaanske Frijheidsoarloch, Paul Kruger, de strider foar de Súd-Afrikaanse ûnôfhinklikens (1900), Grutte Pier fan Kimswerd (1500), de N.B.S. (de Nedrlânske Binnenlâns- ke Striders) en der wie ek in frijheidswein wêrop geastlike frijheidstriders betocht waarden.
L. C. 28-8-1946
BERLIKUM – Alhier werd o.l.v. ds A. H. Knottnerus met aanvankelijk 100 leden een Oranje Vereniging op breed nationale basis opgericht voor de dorpen BERLIKUM, WIER en KLOOSTER ANJUM. In het bestuur werden gekozen : de heeren A.H. Knottnerus, C.V.O, Hidde W. Born, C.N.S, Meinte Brandsma, C.N.S, Johannes Don, C.V.O, Hendrik Andriesz. de Haan, C.V.O, J. Okkinga, O.B.S, Tjepke Hijltjes Smits, C.N.S, Beint Douwes Westerlaan, O.B.S, IJ. Zijlstra, O.B.S.
Sa waarden alle rjochtingen yn it dorp fertsjintwurdige. Foarsitters wiene efterienfolgens Sjoerd Douwes Runia, C.V.O., Pieter Ales Bosma, C.V.O., Watse Hendriks Posthumus, C.V.O. Jacob Aagtjes, C.V.O. Sybren van Tuinen, C.B.S., Gosse Rients Tijsma C.B.S..
C.V.O. Chr. Volks Onderwijs, Herfoarmd C.N.S. Chr. Nationale School, Grifformeard, O.B.S Openbare Basis School Neutraal. C.B.S. Christlike Basis School.
Trije STROFFELSTIENNEN yn BERLTSUM
Hier woonde Sybren Lautenbach.
Geb. 1919. Gearresteerd 1944.
Uit Vught, Sachsenhausen. Overl.
25-4-1945. Bergen Belsen.
Hier woonde Willem Scholten.
Geb. 1907. Gearresteerd mei 1943.
Gedeporteerd 1943. Duitsland.
Vermoord 9-12-1944. Neuengamme.
Hier woonde Wieger Rekker.
Geb. 1892. Gearresteerd 1943.
Overl. 4-3-1945 Duitsland.
Dachau. 1944. Bergen Belsen.
DE ANDRINGASTEECH
yn BERLTSUM wurdt earder neamd yn dit e-book. Neamd nei ? Net bekend. Wêr’t de steech wie ? Ek net troch my efterhelje kinnen. Yn WIER wenne earder op “de Winkel” as minniste boer, in Sybe Joh. Andringa. Hy wie de soan fan Johannes Sybes Andringa en in Aaltje Jans. Sybe Andringa is stoarn te WIER op 29-4-1704 en is begroe- ven te BERLTSUM. Ek syn frou Trijntje Tymens Grada, berne plm. 1659, mei him troud yn plm. 1682 en stoarn plm. 1682 is ek begroeven yn BERLTSUM. It soe wêze kinne dat hja oarspronklik fan BERLTSUM komme en hjir grêven hân hawwe. It soe kinne dat de namme fan de steech út dizze sibbe fuortkomt.
FRYSKE STRJITNAMMEN
Men is ta it neamen fan strjitnammen oergien omdat doarpsynwenners harren der mei allerhanne eigenfûne nammen beholpen. Sa waard op 20-12-1957 fanút BERLTSUM troch boargemaster en wethâlders in oansjoch kaart ûntfongen mei as ôfstjoerder : “ynwenner “Hortensialaan” wêrop de meidieling it fersyk om de strjit- namme “offisjeel” te meitsjen. De kaart jout as ôfstjoerder de “Knikkersteeg” wer, mei as ûnderskrift BERLIKUM (Fr.) . Sa wiene hjir ek in “Bonnebuorren” (Bornsbuorren) en in “Skythûsbuorren”. Sjoen ek op it oanstean út meardere doarpen oangeande strjitnammejouwing, waard troch de gemeenterie besletten dizze oer hiel de gemeente Menameradiel, mei it ynskeakeljen fan komisjes út de befolkng, ta in ferantwurde strjitnammejou- wing te kommen. It soene Fryske strjitnammen wurde. Sa waard op 1 jannewaris 1963 de “Hortensialeane / Knikkersteeg” letter neamd nei de Berltsumer Jacob van Tuinen, en de “Bonnebuorren” mei de saneamde “Hainjestreek” waard dêrnei de Singel neamd, om mar in foarbyld te neamen.
IT FERNEAMEN FAN STRJITNAMMEN
In protte strjitnammen binne nei ynwenners fan BERLTSUM neamd. Om in strjitte nei in persoan ferneame te kinnen moat de persoan, sa is de rigel, al 5 jier derfoar ferstoarn wêze. In útsûndering wurdt hjir makke foar Lieuwe Minnes Kuperus. Hy hat by de ferkeap fan it lân oan de gemeente Menameradiel ôftwongen om de no hjirop lizzende strjitte nei him te neamen. Dus net omdat hy in protte foar BERLTSUM betsjutten hat. Hy wenne oan de Hôfsleane en wie túnker/ hôfker. Oan dizze strjitte binne allinne mar âlderdomswenten boud, mar wurde allang net mear troch âldere minsken bewenne.
DE FERKEAP FAN DE GRUTTE (Hemmema) GRÊFKELDER
oan (moat wêze TROCH ) François van Seijs, earder yn dit e-book neamd yn haadstik 51 op side 1013. Út in akte yn it Thoe Schwartsenberg argyf, tagong 326, ynventaris nûmer 1556 blykt it folgjende :
1710. Op huyden deses XIIen Meij 1710 compareerden voor mij Willem van den Bergh, openbaar Notaris bij den Hove van Hollandt, geadmitteerdt in’t ‘s Gravenhage, resideerende, ende den getuygen hier ondergemeldt, de heer François Seijs, Capiteijn onder Engelsen als huwelijk hebbende juffrouw Christina Charlotte Visscher, wonende alhier in den Haege, de welke verklaerde de vollen ende vrije eigendom te cederen, transporteren en ende over te geven aen ende ten behoeve van den Hoogweledelen heere Duco van Hemmema over Amptman van’t Graafschap Diest (Dld) en Spiegelbergh, Collonel vande Friesche Garde, sekere gemuijrde grafstede ofte kelder. met de grote sark daer op liggende in de kerk tot BELCOM. int Choar in Vrieslandt geteckendt no ..... voor desen toebehoordt hebbende aent huys van Hemmema en laetstelijk aende familie van Adeelen, van wien zijn comparante voornoemd huijsvrouw als eenigh kindt en erfgenaem van haren vader ende moeder zo’t selve en aenbestorvene, ende dat sonder etc. ... etc. ... dat de voorschreven Grafstede ofte Kelder opt kerkeboek tot BELKOM moght werden gesteldt en overgeboekt op den naem ende ten behoorende van den voornoemde heere Duco van Hemmema etc. .... etc ..... Aldus gedaen ende gepasseerd in ‘s Gravenhage voornoemdt ter presentie en overstaan van Willem van den Bergh ende Martinus van Rijn, beijde Clerquen mijns Notaris als getuygen hiertoe verzogt, die de Minute deses neven den Heere Comparant en mij Notaris behoorlijk hebben getekend.
It motto is : “Hoe dichter of yn it koar, hoe wichtiger”. By de lêste restauraasje binne 4 grêfkelders oantroffen.
Yn de akte stiet oanjûn dat de famyljekelder oan it Hûs van Hemmema tabehearde en dêrnei oan de famylje van Adelen. It is net ûnbelangryk dat de frou fan de ferkeaper hjir fan ôfstamde, dus de grêfkelder wie al in protte generaasjes yn de sibbe. François troude yn 1700 mei Christina Charlotte Visscher. Sij sil om 1675 hinne berne wêze. Nei alle gedachten as dochter fan Cornelis Visscher en Catharina Smits van Oyen. Yn 1705 ferkeapje Cornelis en Christina Charlotte de Visscher lân op it Bilt, wêrby’t oanjûn wurdt dat lêstneamde frou fan François Seijs yn De Haach wie. In oantal jierren earder, yn 1607 behearde Cornelis de Visscher mei 10.000 gûne en Doeke van Hemmema mei 30.000 gûne ta de heechst oansleinen yn de gemeente Menameradiel. Dúdlik is no dat it om in tige begoedige sibbe gean moat. It liket dat ien fan de foarâlden fan Charlotte in van Adelen wêze moat. Dus de âlders fan Cornelis de Visscher of de (aadlike) âlders fan Charlotte Smits van Oyen. Koart sein : Duco van Hemmema (1652-1721) kocht dus foar 50 gûne syn foarâlderlike grêfkelder werom. Hemmema hie yn 1529 ek in swannedrift yn BERLTSUM.
De widdo fan Rienck (Regnerus) van Hemmema, t. w. Ath van Roorda, wie yn 1583 opnij troud mei Tading Seerps van Adelen en hja wennen op Hemmema State yn BERLTSUM. Hja krigen 5 bern t. w. Ruurt, (net âld wurden). Ulbe, (net âld wurden). Rienck, Berber,(jong stoarn) en Anna van Adelen (jong stoarn). Sa sil de grutte Hemmema grêfkelder yn it besit fan de Adelensibbe kommen wêze.
Myn konklúzje : Christina Charlotte Visscher, troud mei François Seijs, moat tige begoedige wurden wêze troch erfenissen út de Hemmema en de Adelen sibbe wêrûnder de stienen Hemmemagrêfkelder yn de Koepeltsjerke fan BERLTSUM.
TBC (Tearing)
Der is gjin oare sykte dy’t wrâldwiid sa’n protte dea en ferdjer sjiddet en tagelyk yn Nederlân en dus ek yn BERLTSUM sa ûnbekend is as tuberculose. Yn de 19e iuw stoaren de measte minsken yn Jeropa oan dizze ynfeksjesykte. Yn ús lân is de sykte amper in probleem mear. Dat hat wol oars west. It heucht my dat der yn BERLTSUM ek minsken wiene mei dizze sykte. Se leinen tige lang apart yn sinnige ôfslúten romten omdat dizze sykte tige besmettelijk is. No kin men terjochte yn it Tuberculosesintrum fan it UMCG yn Beatrixoord yn Haren. Yn Davos yn Switzerlân waard yn de 19de ieu in ferneamd kueroard foar TBC pasjenten oprjochte wêr’t men nei lange rêst en yn ôfsûndering en mei de tagong fan frisse berchlucht geneze koe. De soan fan de eardere Berltsumer dûmny Anne Hettes Jellema, t. w. Otto Samuël Jellema wie sûnt 1926 dêr dûmny foar de Nederlan- ners yn Davos.
PASTA CHOCA BEREGOED VERNIEUWD
De voormalige zuivelfabriek “De Volharding”, waarin de Choco-pasta gemaakt werd ontstond in 1889 door toedoen van zuivelpionier Jouke Swart. Vanaf 1912 maakte de zuivelfabriek deel uit van de LEIJEMPF-keten aan de Potmarge in Leeuwarden. Hier werd de melk verwerkt van boeren die zich hadden aangesloten bij één van de coöperaties. BERLIKUM had de GROOTSTE fabriek van de LEIJEMPF-keten. Ook voor de productie van gecondenseerde melk. In 1955 werd de C.C.F. eigenaar en vanaf dat moment begon in BERLIKUM de fabricage van speciale producten als Friesche Vlag Goudband koffiemelk en Pasta-choca. In de jaren 1960 werden er zelfs Sweden Freezer ijsmix machines gefabriceerd. Uiteindelijk beperkten de activiteiten van de C.C.F. vestiging in BERLIKUM zich tot de productie van Pasta-choca en ijswafels. Door de sloophamer kwam op 2 april 1986 met een doffe dreun een einde aan “De Volharding” en was het afgelopen met de productie van Pasta-choca. Omdat de verkoop van Pasta-choca niet aan de verwachtingen voldeed, deed Friesche Vlag Pasta-choca over aan De Ruyter. Maar het smeersel dat daar gemaakt werd leek volgens fans niet op de oude Pasta-choca van Friesche Vlag. Pasta-choca werd in 2003 door Penottie Nederland overgenomen van Heinz / Koninklijke De Ruyter en wordt sindsdien geproduceerd door Peeters Producten in Roosendaal. Deze heeft de Choca-pasta zoveel mogelijk in overeenstemming gebracht met de oer_Pasta-choca út BERLTSUM.
DE EARMENSOARCH
waard yn BERLTSUM fersoarge troch de Herfoarme tsjerke. Yn de jierren 1823 wie der op guon plakken in fûleindige striid oer it tsjerkguod tusken de net-alimintearde manshaden fan húsgesinnen oan de iene kant en de Herfoarme floreenplichtigen oan de oare kant. De lêsten hiene oant doe ta by toerbeurt it rjocht fan stimmen om harren iepenfallen plakken yn it kolleezje fan tsjerke-earmfâlden te foljen. It Provinsjaal Kolleezje fan Tasicht wie yn 1823, as gefolch fan in nij Reglemint op de administraasje fan de Tsjerklike fûnsen, mei in plan fan skieding yn it ôfsûnderlik earme- en tsjerkeguod kommen. Dit hat hjir yn BERLTSUM, by myn witten, gjin striid oplevere. De Diakony bekommerde harren dêrneist ek om de earmen yn it doarp. Letter hat de gemeente in protte earmensoarch op harren naam.
YN IN BRIEF
oan de hanzestêd Lubeck fan sneon 11 april 1355 is sprake fan de civitatis BERLICHEM. Dit foarmet de âldste oantsjutting as stêd. Fryslân kende troch it ûntbrekken fan in erkende lânhear gjin feitelike stedsrjocht ferlie- ningen. Yn dizze oarkonde wurde ek de riedslju fan Westergo yn Fryslân neamd (consules Westergines Frisie). Yn in oarkonde út 1455 is sprake fan in folweardich stêdlik bestoer “Ouderman ende Scepenen ......... mene Recht en Raet . Yn in ferbûn tusken Frjentsjer en BERLTSUM fan 24 novimber 1470 is sprake fan Alderman, Scepenen ende Reed in BERLTJUM ende ‘t WITGUM. By de oanjefte fan in ferbûn op 14 oktober 1491 is sprake fan Doecke Hemmema Alderman toe BERLIKUM en zijn Mederiuchteren, dy’t oan it ein fan de brief Meyscepenen neamd wurde. Op 28 juny1496 nimme Rechters ende Raadt ende gemene Meente fan BERLYKUM it ferbûn fan Wester- go mei Grins oan. Dochs hat BERLTSUM harren net as stêd hânhaafje kinnen,de slûs fersâne en in protte ynwen- ners (hannelslju e.d. foaral beynfloede troch de (* Saksyske Hartoch) trieken nei de stêd Frjentsjer. BERLTSUM is wer gewoan in doarp (in VLECKE) wurden foardat de âlve stêden as sadanich op it toaniel ferskynden. Mfc it doarpshûs mei de namme “It Stêdhûs” werinnert ús noch oan dy tiid.
(* De Saksyske Hartoch George fan Saksen hie it regear fan Frjentsjer nei Ljouwert oerbrocht en hie dy stêd hjirtroch tige begeunstige. Dit omdat hy dêr mear minsken brûke koe om te bestjoeren. As kompensaasje hie hy by in brief fan 12 july 1504 de stêd Frjentsjer de tasizzing dien dat it de doarpen om Frjentsjer hinne ferbean waard om wagen, ambachten of nearingen te hawwen, Hjir sil BERLTSUM, as mulpunt yn de Noard-Westhoeke, ek grif fan te lijen hân hawwe.