FROULJU EN ARBEIDERS

YN IT BESTJOER

Yn de Ljouwerter krante fan 25-10-1975 stiet in âlde foto fan it bestjoer fan in feestkommisje út BERLTSUM, út it jier 1913, dy ’t aktief wie by de betinking dat ús lân doe in ieu ûnôfhinklik wie. Dat dit feest doe ek yn BERLTSUM fierd is, is op himsels dus net sa ‘n bysûnderheid. En dat men earne oars ek sa ’n feestkomitee hie ek net. Bysûnder wie wol, dat hjir IN FROU yn it komitee siet. De oare komitee ’s bestienen allinne út manlju.

Feestcomité 1913

It bestjoeren wie foar froulju noch net weilein. Mar de Berltsumers hienen in frou yn harren fermidden opnaam. It wie juffer Griet van Dijk, (* ûnderwizeres oan de iepenbiere skoalle hjir. Dit komitee bestie al foar 1913 en wie foar dit ûnôfhinkliksfeest net apart oprjochte. It wie in al besteand komitee, dat optochten en foaral bernefeesten organisearre en dat letter troch de V. V. V. oernommen is. (V. V. V. Feriening fan folksfermaaklikens) Yn dit komitee sieten hjir yn BERLTSUM de folgjende persoanen: it wienen Sybren S. de Haan (gernier), Dirk J. Kuperus (gernier), Andries Sape ’s de Haan (jirpel-hanneler), master J. Veninga (haad fan de iepenbiere skoalle), Sierd Jan ’s Tuinstra (gernier), Sieger Stap ( skearbaas, konferentsjee en foardrager), Pieter Ruurd ’s Braaksma (jirpel grossier), Jan Fedde ’s Winselaar (gernier), J. Haringsma (ûnderwizer oan de iepenbiere skoalle, letter wenjend yn Capelle a. d. IJssel), Minne Ruurd ’s Braaksma (jirpelgrossier), Johannes Swart (direkteur en eigner fan it Berltsumer súvelfabryk), Gosse Heeringa (doarwarder midden yn de Buorren wenjend op húsnûmer 46), Wiebo Dominicus Paulusz. Lublink (timmerman), G. Boomsma (jirpelhanneler), Rients Anne ’s Turkstra (mr. bakker op de Krússtrjittehoeke / It Skil yn it pân wat letter yn 1948 ôfbrutsen is) en Minne Rein ’s Schiphof (gernier). It wienen allegearre selstannigen.

IT HAT NOCH LANG DUORRE.

ARBEIDERS koenen doe ek noch net yn bestjoeren sitte. De earste arbeider yn de Grifformearde tsjerkerie wie Jan de Haan (Jan en Romkje) en yn de Herfoarme tsjerke wie dat Jitze Zwaagstra (Jitze en Tine) sa is my ferteld. It hat noch langer duorre foar ’t de FROULJU yn tsjerkebestjoeren sitting krigen. (Yn de Grifformearde tsjerke bgl. krigen de froulju yn 1952 stimrjocht en kaam yn begjin 1970 pas de earste froulike dûmny op de stoel te stean.) Fakentiids woenen froulju sels ek net yn in bestjoer. Yn advertinsjes wie somtiden te lêzen dat de manlju harren froulju ek wol meinimme mochten nei de gearkomsten. Hjir blykt dus ek út dat men net wend wie dat froulju ek de gearkomsten besochten.

Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieu hie it bestjoer fan de feriening “Oranje Nasjonaal BERLTSUM - WIER” e. o., om mar wer in foarbyld te nimmen, it beslút nommen om einliks ek ris wat froufolk yn it bestjoer op te nimmen. Der waard sein: nim op syn minst twa froulju op yn it bestjoer want ien sil fêst net slagje. Leendert Bakker (Leendert en Eke) en ik hawwe doe û. o. Willy, frou fan Tsjalling Sjoerd ‘s Runia en Pyty, frou fan Pyt Jan Siderius besocht en ree fûn om as earste froulju yn it bestjoer sitting te nimmen. It wie in begjin.

Yn tsjerkerieden is it krektsa gien. Yn de Berltsumer Herfoarme tsjerke wie bgl. Lobke Plantenga, de frou fan Adam Meerstra en hjir letter skoaljuffer oan de Iepenbiere skoalle, it earste froulike tsjerkeriedslid. Yn 2006 waard Simone Joostema hjir de earste froulike tsjerkfâd (no tsjerkerintmaster neamd) yn BERLTSUM. It is der tige op foarút gien en de bestjoeren binne dêr no dan ek tige wiis mei.

Oer (be)stjoeren sprutsen. It hat trouwens ek tige lang duorre foar ’t de froulju efter it stjoer fan in auto kamen te sitten. Dêr hienen de manlju somtiden wolris kommentaar op. “Al wer in frou efter it stjoer”, waard der dan sein. Mar hja ride betiden folle better en dogge foar de manlju net ûnder. In frou hjir yn BERLTSUM, dy ’t al hiel lang in rydbewiis hie, wie de frou fan bakker Hette Gerrits Jellema út de Buorren (earst op húsnûmer 31 en letter wenjende op húsnûmer 100 yn de eardere bakkerij fan S. D. Renzema) t. w. Gepke Althuisius, in suster fan de manlju fan it ferneamde en grutte transportbedriuw de “Gebrs. Althuisius” út Tsjummearum. Hja wie har tiid al fier foarút. Harren heit Sybren Althuisius, doe wenjende yn Spannum, hat in lyts 50 jier oant maaie 1955 in wyklike boadetsjinst ûnderholden tusken Spannum op Frjentsjer en Boalsert. Hy hie destiids gjin opfolgers en hat doe de motor mar stop set.

Fuotnoat:

(* Juffer Griet van Dijk (1865-1955) wie ôfkomstich fan Blije, net troud en hat hjir mear as 33 jier oan de iepenbiere skoalle stien. Gryt van Dijk wie ek tige aktyf yn de froulju ’s beweging fan de S. D. A. P. en yn de drankbestriding. Hja siet ek –as earste frou- yn de Provinsjale Steaten.)

IT GELIKENSBEGJINSEL

De Frânske revolúsje en de ferljochting binne net, sa’t faak tocht wurde, de “útfiners” fan it gelikensbegjinsel (it lykberjochtige wêzen) en de unisiteit fan it yndividu. Mei de komst fan it Kristendom waard de doedtiidske wrâld dat oangeande op syn kop set. Paulus formulearre de omkearing yn Galaten 3: 28 puntich: “Der binne gjin Joaden of Griken mear, slaven of frijen, MANLJU of FROULJU – jimme binne allegear ien yn Kristus. In frontale oanfal op de tiranny fan mannen, stamhaden en wa dan ek. In pleit foar de gelikens fan minsken. It hat hast twa millenia duorre foardat dit mienguod waard. Kristenen wienen faak sels in grut yn ‘e wei wêzen. Slavernij, koloanialisme, antsemitisme en apartens waarden nota bene mei bibelske arguminten ferdigene. Yn ús lân waard it gelikensbegjinsels pas yn 1983 yn ‘e wet ferankere. Doe kaam it hoeddeiske kêst 1 yn ‘e Grûnwet: “Alle minsken dy ’t harren yn Nederlân tahâlde, wurde yn gelikense gefallen gelyk behannele. Diskriminaasje fanwege godtsjinst, leauwensoertsjûgjen, politike gesindte, ras, geslacht of op welke grûn dan ek, is net tastien. Sa mûne it gelykwêzen foar God einliks út yn it gelikens wêzen foar de wet. It kroanjuwiel fan de westerske beskaving.

Anna Maria van Schurman (Keulen 5-11-1607- Wiuwert 4-5-1678) mocht yn Útert as earste frou oan de universiteit kolleezjes folgje. Omdat froulju einliks net oan in universiteit studearje mochten, folge hja de kolleezjes fanefter in gerdyn, sa dat manlike studinten har net sjen koenen. Hja wie foaral, neist in protte fakken as Easterske talen, genêskunde en filosofy, foaral ynteresearre yn literatuer en teology. Mei ienich rjocht kin men har in polyglot neame. Hja wie ek in mearsidich keunstnares. Makke tekeningen, oaljeferveskilderingen, gravueres, borduerwurk en boetsearwurk en ek beoefene hja kalligrafy. Hja bliuw har libben frijfaam. Harren begoedige streng Kalvinistyske âlden ferhúzen fan Keulen nei Útert doe’t hja noch in beuker wie, en dêrnei nei Frjentsjer omdat harren heit dêr studearje woe. Hja hong letter de ‘Neiere Reformaasje’ oan. Yn 1666 kaam se yn kontakt mei de preker Jean de Labadie, joech al har besit op, en spile in promininte rol yn de Labadistenkoloanje te Wiuwert.

Sa hat Aletta Jacobs (1854-1929) har destiids ek sterk makke foar it rjocht fan froulju op heger ûndewiis. Foar it folgjen fan de stúdzje Genêskunde moast hja tastimming freegje oan minister-presidint Thorbecke, dy’t dêrop har heit antwurdde dat syn dochter trochleare mocht foar in proefperioade fan in jier. As earste frou yn Nederlân rûne Aletta (no sichtber) in universitêre stúdzje ôf.


EMANSIPAASJE / FEMINISME.

Fanôf 14 juny 1956 mochten TROUDE Nederlânske froulju wurkje, sels in bankrekken iepenje en sûnder skriftlike tastimming fan har man op reis gean, in auto of hûs keapje en fersekeringen ôfslúte. De “Wet hannelingsûnbekwamens” wurdt mei ûnder presje fanút feministyske hoeke, dy dei ôfskaft. Oant 1956 moasten troude froulju harren man om jild en tastimming freegje as hja bgl. klean of apparaten keapje woenen. Ek koenen hja gjin fersekeringen ôfslúte of jild fan ‘e bank helje. Allinne foar de deistige boadskippen krige de frou húshâldjild en it goedkarren fan ‘e man. In oare wet, út 1924, beheinde ek de rjochten fan froulju. Tsjerklike partijen hienen doe bepaald dat froulju op de dei fan harren houlik ûntslein waarden út oerheidsfunksjes. Sadwaande koenen hja in tawijde oare helte, mem en húsfrou wêze. It PvdA-keamerlid Corry Tenderloo tsjinne yn 1955 in moasje yn dy ’t de opmaat wie ta in lettere wetswizeging. In tige lytse mearderheid, 46 tsjin 44, stimde foar. Dêrûnder wienen alle froulike keamerleden. De rigel fan hannelingsûnbekwamens fan de troude frou waard yn 1956 by de Lex-Van Oven ôfskaft ûnder it Kabinet-Drees. Yn de lannen om ús hinne waard om deselde tiid in soartgelike maatskiplike feroaring ynset. Dat it eartiids sa wie kinne wy ús no net mear foarstelle. De earste froulike minister fan Nederlân wie de K. V. P. minister Marga Klompé. Hja waard yn 1956 minister fan Maatskiplik wurk en stie oan de widze fan ferskate wetten, lykas de Bystânswet. Yn de Twadde Wrâldoarloch wist se al fan wanten. Hja wurke as koerierster. Op 30 april 1980 mocht se by it ynhuldigjen fan keningin Beatrix de Grûnwet tôgje wêrop de nije foarstin de eed ôflei. Der stiet yn de Twadde Keamer no in byld fan harren yn de ek nei har neamde Marga Klompéseal wat troch âld-minister Til Gardeniers - Berendsen op 12 novimber 2012 ûntbleate is.

Sûnt de tiid fan ‘e Frânske revolúsje waard der al preke foar it gelykstellen fan de man en de frou. De frou is ommers ek frijberne, krekt as de man, en is dus fan rjochtswege oan de man gelyk, sa waard der steld. It hie trouwens ek noch oant 1919 duorre eart alle folwoeksene manlju harren stim hearre litte koenen by de ferkiezings. Om 1850 hinne mochten bgl. allinne noch mar 80.000 woltierige Nederlanners stimme, amper 2,5% fan de befolking.

L. C. 19-11-1953.

A. R. geeft de vrouwen het passieve kiesrecht.

........... .......... Een afgevaardigde uit Waardhuizen sprak de vrees uit, dat bij aanvaarding van het voorstel de A. R. P. aanhangers zal verliezen, ja, dat zelfs een scheuring zou kunnen dreigen. Een spreker uit BERLIKUM merkte op, dat slechts in geval van nood een vrouw mag heersen over de man. Een Rotterdammer meende, dat tegenstand tegen het passieve vrouwenkiesrecht niet betekend het minderwaardig verklaren van de vrouw. De plaats van de gehuwde vrouw wordt echter in de Schrift (?) aangegeven: Zij moet (?) man en gezin verzorgen. Deze spreker was er daarom tegen, dat een gehuwde vrouw lid zou kunnen worden van de Tweede Kamer. Tegen de kandidaatstelling van de ongehuwde vrouw had hij geen bezwaar etc. ........... ...........

(Dit spilet hjoed de dei yn 2012 noch yn de S. G. P. en is dus no ek noch tige aktueel.)

FROULJU en KIESRJOCHT

It passyf kiesrjocht foar froulju waard yn Nederlân yn 1917 wetlik ynfierd, yn 1919 folge troch it aktyf kiesrjocht foar froulju. Yn 1922 koenen froulju foar de earste kear harren stim útbringe by de Twadde Keamer ferkiezings. Earder wie der ek in kiesstriid fierd, foaral om de ynfiering fan it algemien kiesrjocht foar manlju. Dizze eask wie in reaksje op it kiesrjocht as dat doe fêstlein wie yn de Grûnwet fan 1848 en wêryn allinne in beheinde groep boargers stimrjocht hienen. Oant oan de grûnwetwiziging fan 1887 stienen der gjin omskriuwingen yn de Grûnwet op grûn wêrfan froulju wetlik útslúten wienen fan it aktive en passive kiesrjocht foar de Earste en Twadde Keamer. Yn 1883 stelde Aletta Jacobs, berne yn 1854, op prinsipiële wize de tsjinstriidigens tusken Grûnwet en praktyk oan de oarder.

Aletta Jacobs, HERINNERINGEN.

Nijmegen 1978 pagina 95:

.......... adressante moge zich dan wel beroepen op de LETTER van de Wet, VOLGENS DE GEEST onzer Staatsinstellingen is aan de vrouw geen kiesrecht of stemrecht verleend. Ja sa tocht men doe yn dy tiid. De frou hearde har allinne mar mei de húshâlding te bemuoien.

It hjoeddeiske kiesstelsel yn Nederlân stant út 1919. Hjirtroch is Nederlân hast mear as hûndert jier in mearkleurige demokraasy. De trije grutste volkspartijen hellen langetiis soms wol 85 prosint fan de sitten yn de Twadde Keamer. No binne der troch ôfsplitsingen folle mear partijen ûntstien. De sitten behearre lykwols net oan in partij ta mar oan in persoan. Partijen besteane gûnwetlik besjoen net iens. De wurden “politieke partij” komme yn de Nederlânske grûnwet net foar.