Fan Jhr. Eduard Marinus van Burmania, berne te Ingelum op 26-11-1700 as soan fan Frans Eysinga van Burmania en Wilhelmina Onnesdr. Van Tamminga, troud mei Foockel Berber van Haersolte, en wenjend hawwende yn BERLTSUM (sa tusken 1729 en 1735) binne wy ek hiel wat te witten kommen oer it âlde BERLTSUM. Lykas bekend is bestie BERLTSUM al yn 992. It waard doe troch de Noarmannen plondere en ferwoaste. Yn it Geografyske wurdenboek fan Fryslân, troch him makke en printe yn Ljouwert yn 1749, kinne wy op side 13 lêze: BERLIKUM is eene plaats, die in de somer nog al bezoekers lokt. Het dorp bestaat voornamelyk uit eene seer lange straat, van waar de uitdrukking is ontstaan: “zoo lang als BELCUM”. Aan het eind van de straat is de fraaye Koepelkerk, gesticht ter vervanging van de oude bouwvallige. Men heeft hier considerabel veel hoven en tuinen, alsmede een Entery à twee. Echter hoe seer dit Dorp sig in weinich jaren tyds mag hebben uytgebreit, syn de meeste Hofkers geen rijkelingen, dan ter contrarie doorgaans van een sober bestaan, vermits de landen tot de Hofkerij extra–ordinair hoog verhuurt worden en buiten dat er veel onkosten op lopen eer alles te gelde gemaakt is. Desniettemin varen de Schippers, wekelijks op de 3 naastgelegen Steden en reisen er wonderwel by. De Herbergiers maken er ook goede streek, in sonderheit wanneer ‘t ten tyde van de Paardemarkt in ’t laatst van April mooy weer is, en men des Somers goede wegen houdt. Genoemde paardemarkt was vroeger zeer gesocht. Schotanus noemt haar “de vermaardste van Friesland”. Men vindt aangetekend, dat Doeke Hemmema te BERLIKUM in 1646 een bezoek ontving van de Kardinaal Fabio Chigi, later PAUS geworden onder de naam van Alexander VII. (Hy stie fan 1639 oant 1651 te Keulen en wie belêste mei de opperlieding fan de Nederlânske sinding.) Hij wilde de Berlikumer paardemarkt zien. Tjerck van Heerma in 1622 Grytman van MENALDUMADEEL, heeft veel tot verbetering en verfraaying van BERLIKUM en de kruiskerk toegebragt. Aan de Noordzyde, bij het begin van de buurt van BERLIKUM stond weleer Hemmema State, deze state is in 1747 afgebroken. Yn in stik: Bijzonderheden betrekkelijk de Gemeente MENALDUMADEEL wurdt û. o. ek in stikje skreaun oer BERLTSUM. De âlde tsjerke is 30 jier nei de ôfbraak fan Hemmema State yn 1777 ôfbrutsen. De âlde sealtek toer wie fersakke en hong alhiel út it lead en drige de Noardkant oer te fallen. De tsjerketoer fan foar de Koepel-tsjerke wie de toer fan de eardere âlde Goatyske Krústsjerke wijd oan de Aartsingel “Sint Michaël” dy ‘t opboud wie yn 1345 ûnder it meibestjoeren fan Pastoar Theodoricus (Theodorik) dy ’t hjir 15 jier foargonger west hat en letter de 17de Abt fan Lidlum wurden is. Út in opskrift yn dy âlde tsjerke soe bliken dien hawwe dat Eelco Liauckama de eardere tsjerke bouwe litten hat.
(Hy moat hjir dus it meastepart fan de patronaatsrjochten yn besit hân hawwe.)
(L. C. 10-12-1833. MENGELWERK Eelko Liauckama, Abt van Lidlum ....... “blijkens een opschrift nog in de nieuw opgebouwde (kruis)kerk van dat dorp (BERLIKUM) voorhanden........ welke kerk HIJ ZELF gesticht had” ........ Neffens my kloppet dit net. Eelko Liauckama is yn 1332 fermoarde en de krústsjerke fan BERLTSUM waard pas yn 1345 boud. De Kimnada-pastorijewente is destiids wol troch pastoar Eelko Liauckama boud yn 1320.)
In dochter fan Edzard van Burmania, t. w. Bouwina (Bauwina) Gesina van Burmania, berne te BERLTSUM op 26-9-1735 en datselde jier ek stoarn yn BERLTSUM, is hjir byset yn de “Heerma sepultura” ofwol de Heerma grêfkelder.
L. C. 30 Augustus 1889.
WESTERGOO – 27 Augustus. Thans nu de courant dag aan dag berichten behelst van harddraverijen, kaatspartijen, enz, stelt de lezer er misschien belang in te weten, hoe het in dit kwartier met de jaarmarkte een 300 jaren geleden gesteld was. Naar luid der kronieken had men: In MENALDUMADEEL te BERLIKUM de vermaardste paardenmarkt, die mede in de Nederlanden gevonden werd, op den 25 April, zijnde de dag van Sint Marcus, en te Dronrijp op Sint Johannesdag een jaarmarkt van paarden, veulens en andere gemeene koopmansschap.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
APPELPITTEN
Frou van Schepen sit op it bankje yn ‘e tún foar “Berlinga State” appelpitten te iten.
Komt Jan van der lei it paad oprinnen en freget har: “Wêrom ite jo appelpitten, Froukje?”
Froukje: “Dêr wurde jo slim fan!” “Oh ja?” freget Jan. “Dan wol ik der wol fiif fan jo hawwe”.
“Prima”, seit Froukje, “dat is dan 25 euro”.
In skoftje letter hat Jan de pitten opiten en komt werom by de âlde frou.
Hy seit: “Lekker is dat! Ik hie better fiif appels by súpermerk “de Spar” fan van Wigcheren keapje kinnen, dan hie ik de pitten der foar neat by krigen!” Froukje: “Sjogge jo wol, it begjint al te wurkjen, Jan!”
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------