Wat in Tsjerkfâdij as selstannich kolleezje al net die.
Hja makke net diel út fan de Tsjerkeried lykas no. It wie in selsstannich kolleezje en mar al te faak in feriening fan doarpsbelangen en wêr ’t de Tsjerkfâdij ek al net oan betelle.
Yn 1865 bygelyks neist tsjerklike saken, in grut part oan de gemeente MENAMERADIEL yn de stiftingskosten fan de nije Iepenbiere skoalle en it skoalhûs hjir oan de Achteromdyk (no de Hôfsleane neamd) yn BERLTSUM. Dit is yn 1834 ek al ris bard by de bou fan de skoalle, op it plak wêr ’t no de aula stiet, oan dizze gemeente. Oan de bewaarskoalle. Oan de Kommisje ta wurkfoarsjenning. In rinteleaze liening oan it Gemeentlik earmbestjoer.
Yn 1823 nimt de Tsjerkfâdij it beteljen fan de belestings op de hierwaarde, de doarren en finsters en op de skoarstiennen fan de pastorije oer. Master J. Groenewold krige jild foar de jongerein bibleteek. Oan it Reservefûns foar de ûnderwiizers widdowen en wezen yn Fryslân. De doarpsomropper trommele no net mear (op) mar krige in nije (doarps)skille fan de tsjerkfâden en gean sa mar troch. Allegearre net tsjerklike saken.
Wol wer tsjerklike saken wienen, en dan neam ik sa mar wer in pear dingen:
Yn 1785 op 17 april betelle oan I. (Jelle) Agema mr. stienhouwer te Harns, fanwege de oankeap fan de “ruuwe gedenksteenen sampt het behouwen en beletteren of houwen van de gedenkschriften op die steenen en van de wapens en vercierselen” meïnoar 144 car. g. 17 st en wurdt lean betelle oan Jacobus (Hendriks) Hoitsma, mr. ferver te Bitgum foar it opfervjen fan de letters op de betinkstiennen oan de tsjerke.
Yn 1829 makket W. Schreuder 2 nije sulveren bekkens (skalen) foar fl. 78,90 en foar it snijen fl. 0,50 Dizze skalen stienen op de úteinen fan de Hillich Nachtmielstafel en wienen ornearre foar de nachtmielsjeften. (en dus foar de diakonije). Foar twa âlde sulveren bibelheaken waard fl. 26.45 betelle, dat mar fl. 42,95 betelle hoeche te wurden.
Yn 1833 krige Hoite Born, de leadjitter en laaidekker te Ljouwert, fl. 103,- betelle foar it laai-dekken op ‘e toer. (Der wie tusken 1809-1812 ek in Hoite Born notaris te Ljouwert.)
Yn 1838 wurdt oan Snetlage en Hamstra foar it leverjen fan twa fergulde kroanen yn de tsjerke fl. 250,- en foar acht lytse lampen fl. 98,30 betelle.
Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg lit syn yn eigendom besittende beslettene (Grytmans- of Heare-)banken mei de sierfazen (op eigen kosten) yn de Koepeltsjerke fervje.
Earder behearren dizze banken nei alle gedachten ta oan de sibbe Heerma van Vos. Hjir hat in Tsjerck Heerma wenne as Grytman fan MENAMERADIEL. Sjoch de útsniene iepenwurke spilen mei yn festoenen opklimmende foksen (of hûnen út it Hemmemawapen) yn de bank en mei druven en maiskolven rjochts efter yn de tsjerke.
Yn 1842 ûntfong de tsjerkfâdij fl. 3650. - om in nije houten brêge meitsje litte te kinnen oer de Ljouwerterfeart. De âlde stiennen (tsjerke- of tichelers)piip moast yn 1842 ôfbrútsen wurde omdat de Ljouwerterfeart ferbreede wurde moast op lêst fan de Heeren Deputearre Steaten fan Fryslân. De Moddergatssleat (de Wiersterfeart of ek wol neamd de Wierster Oude Meer) is om 1840 hinne leike en pas om 1862 hinne ferbrede.
Hjir is dus in houten brêge (in heechhout) foar yn ’t plak kommen, dy ’t letter in protte ûnderhâld frege. De brêge is letter troch de Gemeente Menameradiel oernommen.
Der wurdt yn 1851 troch Gerben Joh ’s Peterzon in brânspuithúske boud en de tsjerkfâd Sybe Willem ‘s Osinga keapet út namme fan de tsjerkfâdij in nije (hân)brânspuit. (De Gemeentewet fan 1851 bepaalde dat eltse boargerlike gemeente in brânspuit hawwe moast)
Yn 1852 is it oargel neisjoen en fernijd (útwreide) mei in twadde klavier troch de oargelbouwer W. Hardorff.
Yn 1857 hawwe de timmerlju Lourens en Gerhard Auke ‘s van der Meij de kreake (geanderij) yn de Koepeltsjerke boud foar de som fan fl. 923,71. It ynwennertal fan Berltsum wie tusken 1840 en 1860 tige ta nommen en dêrmei ek de tsjerkegongers.
(De Herfoarme tsjerke hie yn 1857 yn BERLTSUM 1507 leden, wêrfan 273 belidenis dien hienen en it KLEASTER - ANJUM 54, wêrfan 10 lidmaat wienen. Om 1840 hinne wie it leden oantal plm. 1100 leden. In ta name dus fan mar leafst mear as 400 leden!)
Yn 1883 is de romte tusken de oargelgalery en de kreake ticht makke om it sigen fan boppenôf tsjin te gean.
Yn 1859 is it haad fan de iepenbiere skoalle, master Romke Meindert ‘s van Reenen, de skriuwer fan de “Feriening ta befoardering fan Kristlike belangen” yn BERLTSUM. Hy kriget fl. 15, - Hy sit ek as skriuwer yn de ”Kommisje ta it warjen fan de earmoede” en hjirfoar krige hy fl. 100, - fan de Tsjerkfâdij tasein.
Yn itselde jier wurdt der ek in grutte brânkast foar de tsjerke oanskaft.
Yn 1862 wurdt de tsjerkeflier fernijd (betegele) mei glêde Namurschse stiennen (Namense of Naamse stien, een soarte fan kalkstien út de kalkstiengroeven fan Namen by Vinalmont yn de provinsje Luik) en de âlde grêfstiennen (dy ’t oarspronklik yn de âlde Krústsjerke lein hienen) opromme en op it tsjerkhôf dellein en nei 1903, by de weryndieling fan it tsjerkhôf, yn de grûn bedobbe by it tichtsjen fan in sleat, sa is my oerlevere. (yn de âlde balkfeart yn de Bûterhoeke?) By de weryndieling fan 1833 binne ek in protte grêfstiennen yn it doarp teloane kommen as stoepestjinnen e. d. By de lêste grutte restauraasje binne nije stiennen (tegels) lein tusken de fjouwer pylders en de (âlde) Naamse stien dêrom hinne lein en as oanfolling op de dêr lizzende grêfstiennen foar en neist it doopstek.
Yn 1868 kaam der in tongerlieder op de toer. Douwe Gerrit ‘s Wiersma levere yn 1868 de petroalje en kearsen foar de ferljochting yn de Koepeltsjerke en de kategisaasjes yn de âlde skoalle. Teake Klazes Lautenbach hierde it stikje túngrûn wêr ‘t no de grutte konsistoarje, boud yn 1908, op stiet. (It jiertal stiet yn de súd muorre fan it gebou oan it tsjerkepaad en is boud troch timmerbedriuw J. van der Meij. )
Sjoch de foto yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 35)
Foar it ûnderhâld oan it Kampsterbregje moast de Herfoarme tsjerke ek altyd in part oan mei betelje, dit fanwege de skipshelling fan de Diakonije en de oare wenten op de Kamp. Yn 1869 is dit âlde bregje ôfbrutsen en alhiel wer nij makke as draaibregje. Om 1898 hinne nochris.
De boekekiste is yn 1869 reparearre. Douwe Joh ’s Peterzon (kleanmakker, berne yn 1814) levere twa nije tsjerkeponkjes en Gerben Joh ’s Peterzon die wat timmerwurk. Yn juny 1870 wurdt de grytmansbank oankocht fan Jhr. Ernst Louis Baron van Schwartzenberg en Hohenlansberg.
Yn it jier 1871 is de houten tichelers (tsjerke)brêge, dy ’t troch de eardere tichelers(tsjerke)piip ferfongen wie, oernommen troch de gemeente MENAMERADIEL foar de keapsom fan fl. 750, - te beteljen oan de gemeente.
Yn 1871 komt hjir de (ek) fel omstriiden dûmny Jan Imbertus Swijghuizen Reigersberg. Hy wie hjir yn BERLTSUM al waarnimmer (konsulint) yn de fakatueretiid, ûntstien troch it ferstjerren fan dûmny Martinus L. de Boer. Ysbrand Romke’s Bontekoe hellet de dûmny en de ynboel op fan WIER.
Yn 1874 komt der in nij izeren stek foar it tsjerkhôf te stean.
Yn 1878 is de tsjerke fan binnen oan grut ûnderhâld ta. Fan binnen wurdt alles ferve, ek it doopstek mei de op de hoeken steande saneamde fjoerfazen of flam(fjoer)potten, it plafond stúkadoare en de preekstoel op ‘e nij beklaaid.
(It fjoer fan de oaljepot op de trepshoeke fan de preekstoel hat, yn tsjinstelling ta de oare oaljelampen op de hoeken fan it doopstek, gjin skúf om it fjoer heger en leger te setten. It fjoer fan it Evangeelje (it Pinksterfjoer) kin net dôve wurde. Ek de detalearring fan dizze pot is oars dan de oare oaljepotten. Oan wjersiden fan de doar yn it doopstek steane 3 sierfazen mei elk 3 lytse fjoerflamkes en in slinger fan iikeblêd mei ikeltsjes. Ikels binne in teken fan fruchtberens en it jin foar de wyn gean en it fermogen ta geastlike groei út de kearn fan de wierheid. Hiel tapaslik by de doop fan de bern, fandêr dat dizze fazen op it doopstek steane. De symboalyk wurdt noch sterker as men betinkt dat eartiids doopt waard binnen it doopstek en it bern it fjoer bylâns it doopstek ynbrocht waard. (de lytse yn 1924 tsjin de tsjerke oanboude konsistoarje wie der doe noch net.) Boppe op it klankboerd fan de preekstoel stiet ek fjoer útbylde lyk as op de fazen boppe op it oargel. By de restauraasje yn 1970 - 80 binne der ek oaljepotten pleatse op it doopstek tsjin de muorre en op de eardere tjerkfâdijbank, de lofter grutte bank oan de noardside; dit is nei alle gedachten dien om it tsjerkeynterieur lykwichtiger te meitsjen. De houtsnijer Georg Hempel hat tige goed neitocht oer de symboalyske betsjutting fan it houtsnijwurk yn de tsjerke en op welke plakken dit te stean kaam.)
Yn 1881 mei Ysbrand Romke ‘s Bontekoe wer in nije dûmny ophelje mei ynboel en al, no út Skúzum en Piaam. It is dûmny Hein Hoekstra. (Ysbrand Romke ’s Bontekoe, boaske mei Jeltje Bakker hie hjir in ferhierbedriuw fan hynders mei reau en oare weinen. etc. De widdo is yn 1895 fallyt rekke.)
Yn 1884 docht de tsjerkfâdij ôfstân fan it Molkepaad (de Biltdyk) Dit (skil)paad gie nei de tsjerkefinne ta, ek wol neamd de Buorfinne/Bureweide) De gemeente it Bilt woe fan dit paad in nije keunstwei meitsje nei Sint Anne ta. De tsjerke hie ek in stik Hynstewaad oan de Krússtrjitte yn eigendom, wêr ’t Gerke de Jong (berne 1795. tr. m. Trijntje IJmes Appelhof) syn smidderij hie. Letter wenne hjir op nû. 98 yn de Krússtrjitte de túnker/hôfker Klaas Elsma. It hûs no ôfbrutsen.
Yn 1908 is de Grutte Konsistoarje (no it “Herfoarmd Sintrum”) oan it tsjerkepaad boud.
Yn 1894 wurdt in nije makelaar (* op de toer steld en in nij register yn it oargel pleatse.
(Foto: Ds. H. Hoekstra)
Yn 1896 wurdt op fersyk fan Jan Hacquebart in stimpel makke foar de útgeande stikken fan de tsjerkeried. (De tsjerkfâdij hie al in eigen (tsjerke)stimpel.) Der binne dus no twa stimpels.
Tsjerke stimpel
Konsistoarje stimpel
Yn 1924 is de Lytse Konsistoarje (** oan de Koepeltsjerke fêstboud troch oannimmer Pieter Lolkes Lolkema foar de som fan fl. 2476, - Ûnder dit geboudsje sit in djippe kelder wêryn de grutte tsjettel fan de sintrale (flier)ferwaarming sit. De arsjitekt yn Rykstsjinst wie Sikke Siebes Koldijk. Hy is berne yn Grou en ferstoarn yn Ljouwert. Hy eindige syn karriëre as distrikts-opsjenner fan de lânsgebouwen yn Ljouwert. Hy publisearre yn de L. C. yn de jierren 1924 - 1926 ûnder de titel: “Oud Friesland”. It koepeltsje boppe op de lytse konsistoarje is yn de Twadde Wrâldoarloch troch de soannen fan koster Hendrik Zwart wol brûkt as skûlplak foar de Dútsers as hja wer ris razzia’s hâlden.
Fuotnoaten:
(* In opsteande latte oan de topgevel. In dit gefal it (iepen)izeren smeiwurk as koppeler wêrop de Waayer (wynwizer) stiet.
Op ûleboerden stiet tusken de beide swannen ek in “makelaar” (in bewurke ticht of iepen latwurk) mei yn de top in ôfbylding fan bgl. in tulp, in klaverblêd etc. Sjoch Google op: uileborden
(** De ûntwerper fan de lytse tsjin de Koepeltsjerke oanboude Konsistoarje wie Sikke Siebe ‘s Koldijk (Grou 1861 – Ljouwert 1927) Dizze arsjitekt, dy ’t as ienige namme makke hat as Frysk dichter en ûntwerper–yn-Rykstsjinst (fan û. o. postkantoaren), eindige syn karriêre as distrikts-optsjenner fan de lânsgebouwen yn Ljouwert. Hy wie in kenner fan de Fryske boukeunst en publisearre dêroer û. o. yn de jierren 1924 - 1926 yn de Ljouwerter Krante mei 55 artikels ûnder de titel: “Oud Friesland.”
L. C. 28-4-1882 - BURGEMEESTER en WETHOUDERS van MENALDUMADEEL zullen op Donderdag 4 Mei 1882 n. m. 1 uur ten Gemeentehuize bij enkele inschrijving aanbesteden eene belangrijke HERSTELLING aan de TIGCHELAARSBRUG (de fan de Herfoarme tsjerke oernommen earder yn 1842 boude houten tsjerkebrêge oer de Ljouwerterfeart ter ferfanging fan de stiennen tsjerke-pyp) te BERLIKUM, waarvan het bestek en de teekening ter Secretarie liggen. Aanwijzing 3 Mei 1882 v. m. 10 uur.
----------------------------------------------------------
De GRUTTE RESTAURAASJE fan de Koepeltsjerke hat duorre fan 1972 oant 1980.
Yngebrûkname tsjerke nei de grutte restauraasje
1974-1980
Yn 1970 wie men einliks al begûn. Yn it earstoan tocht men ien en oar provisoarysk ferhelpe te kinnen, mar doe ‘t in diel fan it plafond nei ûnderen kommen wie men der oars oer tinken gien. De restauraasje moast earst 2 ½ ton kostje. It waard 3 miljoen. De tsjerklike gemeente moast hjirfan sels 10 % opbringe. Jelte Sikke Sijmen ’s Lautenbach waard de foarsitter fan de restauraasjekommisje. De gemeente hat salang yn it Herfoarmd Sintrum de tsjerketsjinsten hâlden. Op tongersdei 20 maart 1980 is nei acht jier, de jûns om healwei achten, de tsjerke wer yn gebrûk nommen. Der wienen 126 útnoegings ferstjoerd, wêrûnder oan de arsjitekt Sieds Lautenbach fan Boalsert (oarpronklik ôfkomstich dan Tsjummearum) en de Rykstsjinst Monumintensoarch út Zeist. Dûmny Christiaan Sipke Verwoert hie de foargong by de tsjerke tsjinst wêrby de oerdracht en de yngebrûkname fan de tsjerke en it restaurearre oargel plak fûn.
It begûn mei it kloklieden en it oargelspyljen. Presidint-tsjerkfâd Teake Symon ‘s Koopmans joech it tsjerkegebou en it oargel út hannen en yn beskikking oan dûmny Verwoert as foarsitter fan de tsjerkeried. De Steatebibel waard ynbrocht troch de tsjinstdwaande âlderling Dirk Ulbe ‘s van Dijk en op de kânsel lein, twa bern fan de sneinskoalle brochten it doopfet yn. De diakens Watse Hendrik ’s Posthumus en Jelle Meile ’s de Haan setten de bekers op de nachtmielstafel en Jan Jouke’ s van Dijk en Tiny de Jong - Boterhoek de breaskalen. Troch twa kategisanten waarden it tsjerkeboek en it lieteboek oanbean. De tekst wie Esra 6: 15, 16. It téma fan de preek wie: “Vreugde om een nieuw begin”. Ferskate sprekkers fierden dêrnei it wurd. Der waarden geskinken oanbean wêrûnder de grutte koperen kroanlofter dy ’t no midden yn de tsjerke hinget. Yn de kosten dêrfan waard in diel t. w. fl. 20.000,- troch de arsjitekt en de oannimmers meiinoer betelle.
DE STEATEBIBEL.
De Steatebibel stiet hjir yn de Koepeltsjerke no as fersiering op de lessener fan preekstoel en der wurdt net mear út lêzen. De Synoade fan Doardrecht naam destiids it beslút om te kommen ta in alhiel oersetten fan de Bibel yn it Hollânsk, in taal dy ‘t oant dan allinne yn dialekten bestie. Troch oersetters út ferskate gewesten byinoar te setten, ûntstie de offisjele Hollânske taal. Yn 1637 waard de oersetting troch de Steaten–Generaal goedkard en as standerd foar alle tsjerken yn Nederlân oanwezen. De Steatebibel wurdt no noch yn tal fan úterst (ultra) grifformeard gesinde tsjerken brûkt.
Noch eat oer de Steatebibel. Fierhinne eltse iepensleine kânselbibel is skeind troch it striken fan de wide mouwen fan de toga. Dêrtroch krollen en brieken de blêdrânen om en ôf. Dit wurdt pijskea neamd. Ek leunde de dûmny fakentiden mei syn hannen op de blêdsiden. Oan de smoarge bledsiden is dit nei al dy jierren noch goed sichtber. Hjir ek yn BERLTSUM.
L. C. 22-3-1980.
Kerk BERLIKUM als nieuw na acht jaar restauratie.
BERLIKUM - Op de dag af acht jaar nadat de Hervormde kerkeraad (tsjerkfâdij) van BERLIKUM besloot de fraaie acht-zijdige kerk een flinke opknapbeurt te geven is donderdag de ingrijpend gerestaureerde kerk weer in gebruik genomen. Niemand had gedacht dat het zo lang zou duren .......... ...........
De trije tsjerken fan BERLTSUM.
By de restauraasje fan de Koepeltsjerke binne oerbliuwsels oan it ljocht kommen fan twa âldere tsjerken t. w. spoaren fan in begjin midsieusk houten tsjerkje en men fûn ek restanten fan in tufstiennen tsjerke (tufstien = dowestien, in soarte fan poreuze swarte lavastien, meastal út it Eifelberchte yn Dútslân weihelle tusken 1100 - 1200) en in bakstiennen tsjerke (1300 –midsieuwen.) wêryn twa flieren fûn binne mei in nivo ferskil fan 40 cm. Dizze fynsten waarden dien troch G. Elzinga, de archeolooch fan it Frysk Museum. It ûndersyk waard dien op inisjatyf fan de Rykstjinst Âldheidkundich Boaiemûndersyk. De Koepeltsjerke wie dus oer en om dy twa eardere tsjerken hinne boud. It soe dus wêze kinne dat der foar de tufstiennen tsjerke ek noch in houten tsjerkje stien hat (900 -1100) want der binne houtrestanten fûn dy ’t tsjutte op sa ‘n noch eardere tsjerke.
(In protte tsjerken binne fia hout en tufstien oergien nei bakstien.)
ROUBUORDEN.
By myn witten hawwe hjir wierskynlik gjin roubuorden yn de âld Krústsjerke fan BERLTSUM hongen lykas dy yn in protte oare tsjerken no noch te sjen binne. By it ferstjerren fan aadlike leden waard yn de 17e ieu it famyljewapen foarop tôge yn de begraffenisstaasje en dêrnei oan de muorre ophongen yn de tsjerke. Yn de 18e ieu is dizze tradysje ôfskaft omdat men de grutte houten buorden te swier fûn. Foar de ophongen rouwbuorden waard hier betelle.
Mar it kin ek wol sa west hawwe dat hjir ek roubuorden yn ‘e âlde krústsjerke hongen hawwe fan ‘e sibbe Hemmema, want út stikken ôfkomstich út it Schwartzenbergargyf blykt dat der in list is fan wapenbuorden (roubuorden?) fan ‘e Hemmema’s dy ’t “út ‘e tsjerke“ nommen binne en op it lânguod fan Baron du Tour op it Bilt, “Nijefinne” neamd, opburgen binne. Der wurdt lykwols gjin datum neamd. (Dit moat flak foar de ôfbraak fan ‘e Krústsjerke yn 1777 plak fûn hawwe)
L. C. 20-2- 1824.
De Kerkvoogden van BERLIKUM, presenteren bij besloten Briefjes, aan den minstschrijvenden aan te besteeden: Eenige reparatiën aan den Koepelkerk van dat Dorp, waarvan het Bestek van heden af aan, ter lezing ligt bij A. L. van der Mei, Mr. Timmerman en Kastelein; moetende de Briefjes der gegadigden, vóór den 25 Februarij e. k. ingeleverd worden bij een der ondergetee–kenden.
De Kerkvoogden van genoemden Dorpe.
K.(laas) K.(laases) Osinga.
T.(etman) W.(illems) Dijkstra.
RYKSMONUMINT.
Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod.
Ministearje fan Ûnderwiis, Kultuer en Wittenskip
De KOEPELTSJERKE is in ryksmonumint, yn it monumintenregister bekend ûnder nûmer 28576 mei de status fan HIEL BYSÛNDER yn de HEECHSTE klasse. De Rykssubsydzje bedraagt 65 % fan it bedrach te beteljen by it ûnderhâld en de restauraasjes. De gebouwen wurde om de safolle tiid ynspektearre troch de Monumintenwacht.
It HERFOARMD SINTRUM (no P. K. N.) is, allinne foarsafier it it âlde yn 1908 stifte foarste diel fan it ferieningsgebou oangiet, subsidiabel. (destiids de Grutte Konsistoarje neamd, de Lytse Konsistoarje is it yn 1924 troch it timmerbedriuw Pieter Lolke ’s Lolkema tsjin de Koepeltsjerke oanboude geboudsje.) Hy wie in omke fan myn heit en troud mei Aafke Hendrik ‘s Posthumus.
L. C. 4-9-1956
INGEZONDEN
BERLIKUM en zijn inwoners is een dorp, hoe kan het ook anders, met een eigen geaard karakter etc. ..... ..... Van de architectonische schoonheid van dit mooie florisante dorp acht ik mij niet bekwaam om iets te zeggen etc. ...... ...... Wel weet ik van deskundigen, dat het kerkgebouw van de Nederlands Hervormde Kerk een zekere architectonische waarde en zelfs vermaardheid heeft.
BERLIKUM
S. J. van Tuinen
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Âlde interieur mei noch de twa banken foar de efterste pylders.
ROORDAHUIZUM. - “Wy sitte tusken wâl en it skip. Genealogen hawwe krektlyk as de minsken fan it âldheidkundich boaiem ûndersyk gjin offisjele status. Wy moatte it fan tafallichheden hawwe.” Deze klacht komt van de heer Douwe J. van der Meer uit Roordahuizum, voorzitter van het Genealogysk Wurkferbân van de Fryske Akademy. Hij maakt zich zorgen over het feit, dat er bij restauraties en verbouwingen van kerken vaak nog zo nonchalant wordt omgesprongen met fraaie, eeuwenoude grafzerken ...... ...... het is in ieder geval beter dan het ging bij de restauratie van de Koepelkerk van BERLIKUM. Daar werden de stellingen doodleuk geplaatst op een aantal eeuwenoude zerken, waaronder die van de Menaldumadeelster Grietman Tyerck van Heerma. De heer van der Meer is er wel ZEVEN keer geweest om aan te dringen op verplaatsing van de steigers. De laatste keer dat hij er kwam waren de retaurateurs al weer bezig met het herplaatsen van de kerkbanken. Voor één steen kon gelukkig een uitzondering worden gemaakt: voor die van de stiefmoeder van Pieter Stuyvesant, de stichter van NEW-YORK. Het is een steen met het Stuyvesant wapen erop gebeiteld en deze zerk is in het pad gelegd. Ook niet ideaal, maar hij is in elk geval zichtbaar. (leit no oan de lofterside fan de dooptún) Dat in de BERLIKUMER KERK de banken weer op de stenen zijn geplaatst, komt, omdat men er zoveel mogelijk ruimte voor de banken heeft willen gebruiken.
L. C. 20-2-1998.
(It opknappen fan ’e Koepeltsjerke kost yn totaal fl. 1.4 miljoen)
SIMMER 2000.
Tûzenen Friezen om útens kamen út alle wynstreken nei Fryslân ta om de grutte Friezen reuny mei te meitsjen. Om famylje, freonen en kunden te moetsjen en om it âlde (plak, stee) werom te sjen. Mar BERLTSUM wie it âlde BERLTSUM net mear. BERLTSUM wie in “romp–sûnder-kop”. De Koepeltsjerke kaam 20 jier nei de foarige restauraasje al wer yn de stegers te stean. De bûnte kjifkrobbe hie syn ferneatigjend wurk dien oan in pear grutte balken yn de koepel en de klokkestoel dat fierdere restauraasje (2000 - 2004) nedich wie. By it kloklieden begûn alles te triljen en te skodzjen. De kosten fan ophelpen waarden op mear as 1 miljoen gûne berekkene. Op 4 febrewaris om 11 oere de moarns wie it dan einliks dochs, nei 3 kear fergees besykjen ( 31/1, 2/2 en 3/2 ), slagge om de lantearne fan de koepel te takeljen en dizze tusken de pastorije en it tsjerkepaad del te setten. In protte Berltsumers kamen no, de fjirde kear, te let om dizze net deistich foarkommende “happening” te sjen. (It wie de jûns noch te sjen yn it (Hjoed) sjoernaal op Omrop Fryslân T. V.) De earste kear waaide it te hurd, by de twadde kear blyk de lantearne sa oan de romp fêst te sitten, dat it doe ek net slagje woe. (Der wie in protte epoxy brûkt by de foarige restauraasje). By de tredde kear blyk de lantearne swierder te wêzen dan ferwachte wie. Der wie in aksje op tou set wêrby’t men riede koe wat it gewicht fan de lantearne, mei alles der op en der oan, wêze koe. Yn it “Herfoarmd Sintrum” waard troch Dirk Klazes Osinga de útslach bekend makke. It gewicht wie 17.885 kilo. Elisabeth Westra (dochter fan Sybe en Akke Westra -Postma) wûn de 1e priis, in televyzjetastel. Hja siet der mar 4 kilo fanôf. De 2e priis wie foar Kornelis J. Runia (soan fan Bertus en Atsje Runia - Looijenga) fan de Kleasterdyk húsnûmer 7a en om de 3e priis moast lotte wurde tusken Klaas (Jelke’s) Jasper, Popke D.(ooitje’s) Schram en Jan Sjoerdsma. In protte besyksels soenen noch folgje om dy houtfrettende krobbe deadzje te kinnen. (it ynjektearjen en it hjit meitsjen mei gassen) Yn oktober 2010 is de lantearne wer op ‘en nij ferve troch skildersbedriuw Erik de Boer foar 30.000 euro, wêrfan de helte subsidiearre waard troch it Ryk.
F. D. 13-11-2010.
Koepelkerk in BERLTSUM geschilderd.
BERLTSUM. - De Koepelkerk in BERLTSUM staat in de steigers en heeft een grote schilderbeurt gekregen. De kerk, in 1779 voltooid, werd de afgelopen vijf weken geschilderd door de Boer Schilderspecialisten uit BERLTSUM. De “lantaarn” van de kerk, de goten en al het overige schilderwerk aan de buitenkant is gedaan. Tien jaar geleden waren bepaalde onderdelen van de kerk voor het laatst geschilderd, waaronder de lantaarn, die toen van de kerk getakeld werd. Bouwbedrijf Van Dokkumburg, ook uit BERLTSUM, moest voor de schilders aan het werk konden nog heel wat verrot houtwerk vervangen. (Dit wie jammergenôch 10 jier ferlyn by de lêste restauraasje net goed bard omdat dit mar as in begjin fan it ferrottingsproses sjoen waard en gewoan by in monumint hearre, sa is my oerlevere.)
Het hoogtepunt van het schilderwerk bevindt zich op 25 meter, vertelt schilder (en eigner fan it bedriuw) Erik de Boer. “We kinne oeral goed by troch de stegers. It swierste is noch om boppe te kommen. Jo moatte hiel wat trêden op”. De Koepelkerk moet één keer in de zes jaar een dergelijke schilderbeurt hebben, zo schat hij. In principe is de schilderklus op wat afwerken na klaar. Totale kosten zijn ongeveer 30.000 euro voor de Protestantse Gemeente BERLTSUM die ook nog beschikt over de voorma lige Gereformeerde “Kruiskerk”. Beide gebouwen zijn nog in gebruik. A B S Steigerbouw uit Leeuwarden plaatste de steigers rond de Koepelkerk en de lantaarn. Het is niet de eerste kerk die De Boer Schilderspecialisten doet. In 2007/2008 deden ze ook het schilderwerk van de St. Lambertuskerk in Arum. “Foarich jier hawwe wy de lantearne fan de Koepeltsjerke yn Wytmarsum skildere”. It jier dêrfoar (novimber 2009) binne de binnen de seis grutte ramen fan de Koepeltsjerke sittende 592 rútsjes ferfongen en skildere. De Koepelkerk is al eeuwen beeldbepalend voor het dorp BERLTSUM. Op 10 april 1777 werd de eerste steen gelegd door Jonkheer Georg Wolfgang Carel Duco Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Hij was de zoon van de Grytman van MENALDUMADEEL. Het dak heeft de vorm van een koepel en is gedekt met schubleien. In 2004 was de laatste grote restauratie.
L. C. 15-11-2003.
Afsluiting restauratie van kerk te BERLIKUM.
BERLIKUM. - De karakterestieke Koepelkerk van BERLIKUM staat er na een restauratie van 3 jaar weer fraai bij. De Hervormde Kerkvoogdij viert vrijdag de afsluiting van de renovatie met een “dank-je-wel-consert” en een symposium over de bestrijding van de bonte knaagkever. Ook de Koepelkerk was ernstig aangetast door de kever. Zo moest een groot deel van de balken uit de koepel vervangen worden. (En de lantearne hat der yn it jier 2000 ôf west.)
Sjoch ek films: "Bonte knaagkever", "Lantaarn van koepelkerk Berlikum" Deel 1, Deel 2 en It waarberjocht mei Pyt Paulusma.
SINTRAALBOU.
In Koepeltsjerke is in tsjerkegebou wêrby it skip oerdútsen wurdt troch in koepelfoarmige kap. Yn de measte gefallen is de tsjerke in sintraalbou lykas yn BERLTSUM. Koepeltsjerken komme in protte foar yn de Byzantynske arsjitektuer. Yn de Westerske arsjitektuer waarden Koepel-tsjerken foar it earst boud yn de Renêssânse. Neist BERLTSUM binne der yn Nederlân noch, by myn witten, mar 21 te finen en wol yn: Amsterdam 2 (De rûne Lutherske tsjerke en ien oan de Steedhâlderskaai / it Leienske boskje.), yn Arkel, Arnhem, (de yn 1838 oan it Jansplein boude no Grifformearde frijmakke art. 31 tsjerke.) Bussum, Geldrop, Hoorn, Ljouwert, Leien, Lierop, Middelburg, Maastricht, Helmond, Purmerend, Sappemeer, Smilde, Feanhuzen, Willemstêd, Renswoude, Sint Anne en Wûns.
It MEMOARJEBOERD oan de lofterside fan it oargel.
In skildere tinkboerd mei in apokrive ôfbylding fan in eardere tsjerke en fan de tsjintwurdige.
Anno 1320 heeft, Liaukema Pastoor in BELKUM voormaals TUITCUM D’ kimnade Pastorie huis fundeert en gebout. --- Anno 1345 is de kerk van BELKUM van olderdom vervallen door de gemeente wederom verbeterd ten tijde van Heer (destiids in gongbere namme foar preesters, Dominus (dûmny) trouwens betsjut ek Heer.) Theodorico Pastoor namaals Abt te Lidlum. --- Anno 1375 den Kercke tooren (* van nieuws gemaakt ten tijde van Heer Wybrando Pastoor. --- Anno 1432 is het dak van ried met tegelen verandert. --- Anno 1682 is dit wederom vermaakt ten tijde van Tjomme Hanses en Folpert Baard beide kerkvoogden. --- Anno 1744 is dit wederom vernieuwt ten tijde van Bote van der Veen en Theunis Meetsma kerkvoogden. --- Deese kerk is geheel nieuw gebouwd anno 1779. --- Anno 1910 is de kerk vernieuwd en geverfd ten tijde van W.(ytse) J.(acob ’s) Tuinenga, M.(arten) K.(lases) Lautenbach, A.(nne) S.(ikke ’s Lautenbach Kerkvoogden. --- Anno 1947 is de kerk gerestaureerd ten tijde van J.(acob) W.(ytse ’s) Tuinenga, N.(anne) W.(illem ’s) Osinga, D.(ouwe) S.(joerd ’s) Runia Kerkvoogden. --- Anno 1970 - 1980 algehele restauratie.
Eardere tsjerkfâden (en earmfâden) hjir wienen û. o. Hette Hemmema, in Ernst Lyeuues (lieuwes) (1555), in Jarich Dries (1555), in Pier Tyercks (1563) in Tzaling Sytthies (1563) in Folckert Rommerts (1563) in Marten Tialles (1583) in Tyerck Jans (1583) in Nanne Gerrits (Gerrolts) 1583. Om 1760 hinne in Pyter Tjallings, boer te BERLTSUM, tr. m. Antje Hotzes.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
HEAR & BOER
Dan noch eat oer de d’ KIMNADE pastorije hûs fan BERLTSUM. Midsieuske pastoarswenten waarden in Weem of ek wol in Weme neamd. De term komt fan it âld-Fryske “wethem” wat “fromme skinking” betsjut. Yn Menaam wurdt it tsjerklik sintrum, de eardere pastorijewente, dêr no ek noch sa neamd. Ek yn it Grinzerlân komt it wurd Weem foar omdat oant fier yn ‘e midsieuwen dêr benammen ek noch Frysk sprutsen waard. Dizze weemen wienen yn de iere midsieuwen mei pastorijelân skonken sadat de pastoar in plak foar himsels hie en sels yn syn ûnderhâld foarsjen koe. Guon weemen hienen dan ek stalling foar it fee. Men soe se ‘pastorije- buorkerijen’ neame kinne. Mar in hânfol lykwols fan harren wie destiids tagelyk boer. It lân waard meastentiids ferpachte, sadat hy him alhiel oan syn pastoarsamt wije koe. Foar in part fan Fryslân is in soarte fan Kadaster bewarre bleaun út 1511 wêrút blykt dat hjir yn Westergoo hast alle pastorijelânnen ferpachte wienen op in trijetal doarpen nei. De Pastoars (Hearen) hienen in goed bestean, (ek út oare boarnen, as it hawwen fan sielemissen foar ferstoarnen, de lukrative hannel yn aflaten e. d. smiten in protte jild op.) mar nei 1600 wurde in protte pastorijen ferboud ta pastorijebuorkerijen wêrút blykt dat it mei de ekonomy en de lettere dûmnys net altyd like goed gie. Guon fan harren begûnen der sels by te buorkjen. Ek wienen der fansels by dy ’t fan boere ôfkomst wienen of der nocht oan hienen en it graach sels dwaan mochten. Doe ’t nei it kristenjen fan Noard Nederlân it skriuwen mear en mear yn swang kaam waarden yn ‘e pastorijen aparte keamers brûkt, ek wol skriuwkeamers (scriptoria) neamd, wer ’t stoke waard mei stiennen iepen hurden, “kimmenaden” neamd. (kimnade betsjut stookplak) Sa koe men yn ‘e wintertiid ek skriuwende bliuwe. Dit wie in grutte lúkse foar dy tiid en jilde ek as statussymboal, wêr’t op guon plakken dan ek wol ekstra belêsting op heven waard. It sleat ek oan by de wenkultuer fan in protte pastoars dy ’t út de ealju kamen, want pastoar wurde wie foar net folle boeren weilein. Jo moasten it leafst fan adel of lettere wêze of beide. Oant yn de 16e ieu skynt yn Fryslân it wurd “Kimnade” (hûs mei in stookfertrek) synonym west te hawwen mei pastorije. Yn de literatuer wurdt faak ferwezen nei Eelco Liaucama, oant 1325 Pastoar fan BERLTSUM. In libbensberjocht fan him docht te witten dat hy yn BERLTSUM yn 1320 in pastorije bouwe liet, yn it Frysk ‘KIMNADE’ hjitten. De auteur, is de humanist, pastoar Sibrandus Leo, (wierskynlik) stoarn yn 1583 yn it Grinzerlân yn it kleaster fan syn eigen oarder CUZEMER. Dit lêste wurd soe ek sa ’n mispleatst wurd wêze kinne. Camenade soe dus in anachronisme wêze kinne, mar it lijdt gjin twifel dat it yn dy tiid fan Sibrandus Leo gongber wie foar in pastoarswente, ofwol in weem. Dit wie dan wol rom 200 jier letter. It stiet fêst dat ek op oare plakken yn Nederlân yn ’e tiid fan Eelco Liauckama stiennen hurden boud waarden. Dit blykt bgl. út in rekken fan 1316 foar in ‘kameneije’ yn in keamerke op it Haagse Binnenhôf.
(* Fuotnoat:
By it gearstallen fan de tekst fan dit memoarjeboerd is frijwol seker gebrûk makke de “Chronica Abbatum Lidlomensium” skreaun troch Sibrandus Leo. Fan ‘e toer (* wurdt dêr sein, dat it in op fundaminten grutte tsjin de tsjerke oanboude swiere (dikke muorren) toer wie. ...... turrim magnae crassitudinis ex ipsis fundamentis erigens addidit. De swiere toer is letter nei it Westen ta oerheljen gien en drige dernei om te fallen.
BETALINGSORDINANTIES op de Ontvanger Generaal.
(Bron: Archief Staten van Friesland) wêryn û. o. is te lêzen)
Citaat: 1596 Is de Kerckvoochden van BERLCUM tot reparatie ende opbouwinge van t pastoriehuys aldaar geaccordeerd d somma van L. 100
Citaat: 1613 Jan Abbes glasemaker ter zake van een glas bij den Lantschappe vericht in de Kercke te BERLICKUM ende bij hen aldaer gemaeckt. L. 100
Citaat: 1637 Aen Melis Meinderts glasemaker toe BELCUM t maken van een glas inde Kerck van Jacobi Parochie L. 30
Citaat: 1638 Aen de Kerckvoochden van BELCUM tot repareeringe van hun Kerck. L. 300
Melis Meijnderts, glasemaker tot BELCKUM voor’ t maken van een glas inden dorpe Menaldum de somma van L. 40
L. C. 31-5-1888.
MENGELINGEN. (L. C.)
Onlusten tusschen Schieringers en Vetkopers.
(vervolg van no 117.)
Het was op den 1 november 1456 toen de echtgenoot van Wybe Sjoerds Sirtema van Grovestins, by haar echtgenoot in het woonvertrek komende, eensklaps hevig ontstelde en de kreet slaagde: “Welk een geweldig onweder! Nooit heb ik iets dergelijks gehoord en gezien!” De donder rommelt zonder ophouden en de bliksem schittert, dat de oogen ervan verblinden. “Wel moogt gij dit onweder noemen, waarde Geel, ook ik herinner mij niet het ooit zoo zwaar gehoord en gezien te hebben”, antwoordde Grovestins. “En wat het ergste is, om deze tijd van het jaar is het veel gevaarlijker dan in de zomer, ik vrees dat de bliksem hier of daar zal inslaan .......” Terwijl zij daar elkander moed zochten in te spreken werd het geheele vertrek door een bliksemstraal in vuur en vlam gezet, waarop onmiddelijk een geweldige knetterende donder volgde ........ toen zijne vrouw, bleek van schrik, hem naar het venster trok en zonder spreken met den vinger naar de kant van BERLIKUM wees. “Zoo waar ik leef ”, zeide Wybe, “daar staat de KERKTOREN van BERLIKUM in brand. Wel mocht ik zeggen, dat het gevaar nabij was, en met deze woorden greep hij naar de muts met het voornemen de deur uit te gaan. Geel hield hem tegen en verzocht haar in deze toestand niet alleen te laten. “Ginds heeft men ongetijfeld hulp nodig”, voegde de edelman haar toe, “het past niet aan den braven man werkeloos toe te zien ..... .....“ “Gij wilt naar BERLIKUM gaan en bedenkt niet dat gij daar (as Fetkeaper) midden onder uwe vijanden, de Schieringers, zult zijn”, sprak de beangstigste vrouw ..... ...... doch hy antwoordde met een gelaat waarop welwillende menschenliefde te lezen stond ..... ...... “Voor ons is het onweder voorbij, hoogst zelden treft het onweder tweemaal na elkander op dezelfde plaats. Ik wil zien wat ik in BERLIKUM kan uitrichten .... ..... “ Hij had juist gezien. Bij zijne komst stond de zware prachtige TOOREN, in 1369 door Wijbrandus, toen pastoor van BERLIKUM en later abt van het Klooster Lidlum, gesticht, in volle gloed. Aan blusschen was by gebrekkige middelen, dien men toen bezat, niet te denken, en nauwelijks was Grovestins een half uur aanschouwer van den fellen brand geweest, of het gebouw stortte in, de vlammen aan alle zijden verspreidende etc. .... .....
En sa giet it mar troch. In dêr by de tsjerke steand wenhûs rekke yn ‘e brân troch in fan de toer nei ûnderen fallende brânende balke. It wie it hûs fan in dêr wenjende Skieringergesinde timmerman. Wybe soe doe in bern út it baarnend hûs te BERLTSUM rêden hawwe, in prachtich ferhaal mar fol fantasy fansels. Myn omke, Jan Fokkes Fokkema út Menaam, sei altyd: “It hoecht net wier te wêzen, as it mar moai is”. En dan eindiget it ferhaal hjirmei, dat Wybe foldien wer yn Ingelum werom kaam, it gefoel hawwende in tige goede died ferjochte te hawwen.
(It reiddak fan de toer wie sûnt 1432 mei “tegelen” (dakpannen of laaien) bedutsen.
DE TWA BETINKSTIENNEN.
By de restauraasje 1974 - 1980 binne twa betinkingsstiennen fûn dy ’t bestimd wienen om oan wjerskanten fan de haadyngong (poarte) yn de bûtenmuorre pleatst te wurden, mar dy ’t nei alle gedachten dêr nea (of net lang) yn sitten hawwe. De stiennen (in hiele en no noch in heale) sitte no yn de binnenmuorre fan de Koepeltsjerke en binne makke troch in Johannes Roelands, mr. stienhouwer te Ljouwert. Op ien fan de beide stiennen is de tekst bewarre bleaun, wêrop te lêzen is:
In het jaar onzes Heeren 1779 is deese Kerk onder het bestuur van de Hoog Welgeborenen Heere, Georg Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, Grytman en ontvanger-generaal van MENALDUMADEEL, Gecomitteerde Staat ten Landsdage, Lid van het Edelmogende Collegie der Heren Gedeputeerde Staaten deeser Provincie, Curator van Vrieslands Hooge school etc. etc. etc. en van Evert Anne ‘s Nauta als Kerkvoogden van BERLIKUM, voltooid, zijnde den gecomitteerde tot opsigt over dit werk benoemd geweest Jetze Meinerts, (mr. timmerman en troud mei Akke Rein(d)erts) ingesetene deser plaatse.
L. C. 22-3-1980.
Kerk BERLIKUM als nieuw na acht jaar restauratie.
De fjouwer NACHTMIELS BEKERS fan de Koepeltsjerke.
1e beker:
Fecit: 1601 PATRONVS--- BELCUMANUS--- ME.FIERI. IAN THOENIS: SOEN--- KERCK.FOECHT. ENDE (inisjaal) DIAKEN WILCKE (inisjaal) BAVCKES--- MEDE. KERCK. FOECHT. (Mei de ôfbylding fan in seal tsjerke mei twa (dutsen par- of sipelfoarmige) tuorren en in Johanneslaam mei krúsflagge op it tek fan de tsjerke). De beker is makke troch de Harnser sulversmid Johannes Gerlofsz. It is syn âldst bekinde wurk.
(Merken: I G (Johannes Gerlofsz. , te Harns) en de hânmerken fan IAN THOENIS en WILCKE BAVCKES. De ôfbylding fan in âlde tsjerke mei op it dak in Godslaam. Wilcke Bauckes en syn frou Anna Jaspersdr. kochten yn 1597 in hûs te BERLTSUM. Jan Thoenisz. wie yn 1601 fâd oer de neilittenskip fan Hylck Pybesdr. Oentzema, de frou fan Wybe Edsardtsz van Grovestins.)
Oersetting fan de Latynske tekst: “De Patroan fan BERLTSUM hat my meitsje litten”.
2e beker:
Ao 1818 is deze beker tot gebruick van s’ Heeren H. Avondmaal aangekocht uit de Diaconie kas der Hervormde gemeente van J.(ezus) C.(hristus). Destijds was aldaar Predikant G.(erhard) van der Tuuk; ouderlingen K:(laas) J:(ohannes) Werkhoven en T:(ijs) P:(ieter ’s) de Boer. Diakenen te BERLIKUM. L.(olke) K.(lazes) Boomstra (de soan fan Klaas Lolke ’s Boomstra en Geertje IJme Taeke ’s Appelhof) en H.(eerke) W.(illem ’s) Dijkstra. (Mei in ôfbylding fan de âlde krústsjerke. Dizze krústsjerke hie yn ‘e foarm it meast fan dy fan de Wânswerter tsjerke).
3e beker:
Râneskrift yn it Gryks mei it jiertal 1953.
(Mei in ôfbylding fan de âlde krústsjerke).
4e beker:
Râneskrift yn it Frysk ek mei it jiertal 1953.
En mei de tekst (ynskripsje):
Foar Herf. Gemeente BERLTSUM makke. Yn it midden fan de beker: ”Drink dêr allegearre út!” Mat. 26 vs 27 (Mei in ôfbylding fan de Koepeltsjerke. )
Twa NACHTMIELS SKALEN mei it opskrift: Aan des Heeren dienst gewijd juli 1923. Pred. Ds. van Eijck van Heslinga, Kerkvoogden D.(irk) A.(rjen) Santhuizen, L.(olke)D.(ouwes) Braaksma, J.(acob) W. Tuininga. (Frjemd ! de Diakens wurde lykwols net neamd.)
Twa offerskalen makke troch Wieger Cornelis Schreuder út Ljouwert mei it opskrift: Kerk BELKUM 1830. Dizze skalen stienen eartiids op de beide úteinen fan de (doe hiel lange) nachtmielstafel.
Dizze letter ôftanke lange nachtmielstafel hat dêrnei noch jierren lang yn it earste lokaal fan de Herfoarme skoalle stien en waard troch de jongerein ferienings brûkt by harren gearkomsten.
De PREEKSTOEL.
Op de preekstoel sjogge wy de fjouwer tiden fan it jier útbylde. Dit hat fêst te krijen hân mei dat BERLTSUM in túnkers- en hôfkersdoarp is. Op it lofter paniel sjogge wy oan de boppekant in drapery (in ploaijend delhingjend muorrekleed, in typearjend Loadewyk XVI. styl elemint) mei in lint en dêroan in ring mei in fûgelnêst mei tulpen, op it folgjende paniel nôtieren, sichte, puolfruchten en simmerblommen, op it hjerstpaniel hjerstdrúven en parren, en as lêste op it winterpaniel redens, skelpen en kweeparren. Op de kânseldoar is in guozzefear mei in boek snieën. It skriuwark fan dy tiid. De guozzefear hjir sil fêst net te krijen hân hawwe mei de útdrukking: “Voor de ganzen preken”. (Foar (lege) stuollen en banken preekje). Fierders sjogge wy op de doar grift: Cappittel Johan 17 fers 17 (Wy har (hearre) yn wierheid oan Jo ta; Jo wurd is de wierheid.) en Ps. 19 vers 8. (De wet fan de Heare is folslein en set it libben wer yn fleur.) It allegoaryske figuerboek, de palmtakke e. d. op de doar fan in preekstoel is net tafallich. It is in warskôging foar de dûmny om fanôf de preekstoel de wierheid te ferkundigjen. De lining en de trep binne rêste op iepenwurke balústers. De bibellessener op de preekstoel wurdt stipe troch in manlike pelikaan, in wetterfûgel, yn it iere Kristendom it symboal fan de harrensels opofferjende mem dy ’t de jongen fuorret mei har eigen bloed yn tiden fan need. (It Kristus- symboal. Hy dy ’t syn bloed - it libben - joech foar ús. De troch folsleine leafde himsels opofferjende Kristus. Yn it bloed sit ommers it libben.) Yn in protte tsjerken is sa ’n stipe fan in bibellessener te finen. De lessener (it foarlêzersbuordsje) op it doopstek hat in stipe yn ‘e foarm fan in earn. It (te) grutte klankboerd hinget boppe de kânsel en is fersiere mei triglyfen, (hout/stien mei twa gleuven yn it Doaryske fries (fersierde streek/list), metopen (dit binne fersierde flakken) en in sierfaas, allegearre makke troch Johann Georg Hempel. Ek hat hy it doopstek en in hearebank makke, (de rjochste) mei iepenwale balusters yn ‘e foarbank en fierder mei bysûnder foarmjûne siervazen mei famyljewapens. Yn it foarstoan op de foarbank binne maiskolven en drúvetrossen snien, en in bist, mooglik in hûn út it wapen fan de Hemmemasibbe, allegearre yn Loadewyk XVI. styl. Tomas Hendriks levere it gewoane houtwurk oan de preekstoel, it klankboerd en it efterskot. It stúkwurk oan de binnenmuorren mei triglyfen, de “pylders” neist de preekstoel, it “blassoen” boppe yn it verwulft, ets. is fan Adolph Staal & Co. De Loadewyk 16e styl is û. o. te werom te kennen oan de platte strik yn de fersiering. Âlderlingen sieten oan de trepskant fan de preekstoel. De Diakens sieten oan de oare kant, tegearre mei letter sûnt 1951, de âlderling tsjerkfâden.
De preekstoel yn de koepeltsjerke
(De Loadewyk XVI.-styl is nei de Frânske kening Loadewyk XVI. dy’t regearre hat fan 1774 oant 1792. (Yn Frankryk de Louis Seize-styl neamd). Yn Nederlân wurdt de styl tapast yn it fjirde fearnsjier fan de 18de ieu, of om presiser te wêzen: de perioade 1770-1800. Nei de oermjittige Barokstyl fan Loadewyk XV. folget it weromkearen nei it klassisisme wat btsjut: de strakke line is werom. De Loadewyk XVI.-styl is sober en symmetrysk en wurdt ûnderskieden troch klassistyske fersieringen as slingers en fazen.)
De preekstoel sit yn de Berltsumer Koepeltsjerke, krekt as yn hast alle nei de Reformaasje foar de earetsjinst boude protestânske tsjerken, oan de SÚDKANT mei de opgong oan de lofterkant. De preekstoel wie no it middelpunt yn de tsjerken wurden. Wêrom is net rjocht nei te gean. Yn Roomske tsjerken stie de preekstoel meast oan de eastkant, net fier fan it alter ôf. Doe ‘t it Protestânske tsjerken waarden binne de preekstuollen meast ferhúze nei de súdmuorre fan de tsjerke. It kin wêze dat dit wie omdat it tsjerkefolk sa de dûmny better hearre koe, de ljochtynfâl of wie it om de grêfstiennen fan de ealju dy ’t op it easten ûnder it alter fan de tsjerke begroeven leine te sparjen? It is mar in tinken fan my. Wa wit hjir wat oer te fertellen? No ‘t wy it dochs oer alters hawwe, yn de Koepeltsjerke binne by de lêste restauraasje by de yngong (de eastkant) fan de tsjerke nocht restanten fûn fan in earder alter út (ien fan) de foarige tsjerke(n).
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
EBBING en SINTERKLAAS
Ûnder it sjongen fan ‘e bern ûntfangt Juf Hyke Osinga Sinterklaas yn ‘e klasse.
Lytse Ebbing is úteinliks oan bar om efkes by Sinterklaas op ‘e skurte te sitten.
It boike sjocht wat senuweftich om him hinne.
Om him wat gerêst te stellen freget de âld man: “En wat wolsto graach fan ‘e Sint hawwe, Ebbing? “
Ebbing sjocht de Sint ferheard oan en seit: “Hawwe jo myn mailtsje dan net lêzen, Sinterklaas!”
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
FLOREENPLICHTINGEN.
Samar in advertinsje út de Ljouwerter krante yn de tiid doe ’t de floreenplichtingen it hjir foar it sizzen hienen yn BERLTSUM.
L. C. 17-81860
Burgem. en Wethouders van MENALDUMADEEL, convoceren de Hervormde Floreenplichtingen van na voormelde dorpen, Menaldum, Engelum, BERLIKUM etc. etc. om te vergaderen op de gewone plaatsen van bijeenkomst, ‘s voormiddags 11 uur, als die van Menaldum, Engelum, BERLIKUM etc. etc. Ten einde: 1. ..... 2. Vast te stellen de Begrootingen voor 1861. Voorts te beraadslagen: te Engelum over het stichten van een nieuw Schoolgebouw. Te BERLIKUM over de vernieuwing van de VLOER in de Kerk en te WIER over ene ruiling van grond tusschen de Pastorie en J.(arich) L.(eenderts) van den Akker, etc. etc.
Menaldum, den 17 Augustus 1860.
K.(arst) J. Kalma. L. B.
A. Dalsen Fontein. Secr.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 22-7-1881.
De Floreenplichtigen der Hervormde Gemeente te BERLIKUM worden opgeroepen te verschijnen bij Sape A. de Haan aldaar op Woensdag 3 Augustus a. s. ‘s morgens 11 uur, ten einde de Rekening van het afgeloopen jaar op te nemen en te beslissen over een voorstel van Kerkvoogden tot OVERDRACHT der ADMINISTRATIE.
De Kerkvoogden:
E. P. Pieterzen.
G. L. Boomsma.
D. K. Mulder van Leens.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 19-3-1871.
LEEUWARDEN – 16 Maart. Het Provinciaal Kerkbestuur van Friesland heeft in zijne vergadering van den 13 dezer beslissing genomen in de zaak der predikantsbenoeming te BERLIKUM, waarbij de meeste stemmen der floreenpligtingen werden uitgebragt op den heer M. Wijt, predikant te Beetsterzwaag. Tegen sommige van deze stemmen werden protesten ingeleverd bij het Klassikaal Bestuur van Leeuwarden, welk bestuur die protesten, na gedaan onderzoek, ongegrond bevond. Zij, die geprotesteerd hadden, in deze uitspraak echter niet berustende, kwamen daarover in appel bij het provinciaal kerkbestuur. Thans heeft dit bestuur het proces-verbaal der gehouden stemming wegens informaliteiten ongeldig en mitsdien de gehele stemming nietig verklaard. Uit kracht van deze beslissing, die, volgens het te dezer zake bestaande reglement, definitief is, zal er te BERLIKUM opnieuw gestemd worden.
L. C. 19-3-1871.
Het Provinciaal Kerkbestuur in Friesland heeft in hoger beroep bekrachtigd de uitspraak van het Klassikaal Bestuur van Leeuwarden , waarbij de kerkeraad der Hervormde gemeente te BERLIKUM in casu onbevoegd is verklaard tot het doen van protest tegen de verkiezing van heer M. Wijt van Beetsterzwaag tot predikant.
(De ortodokse tsjerkerie wie djip teloarsteld nei dizze útspraak. Der kaam in folksopskuor fan slúten wein it doarp útflechtte. (Is ditselde in Wierster ealman ek al ris net sa oerkommen?)
ortodokse side. De drank spile hjir ek in rol yn mei, moat sein wurde. De (meastal jonge, mar ek guon folwoeksene) opskuormakkers waarden oppakt en moasten letter foar de rjochter ferskine omdat hja de rúten fan tsjerkfâden ynsmiten hienen, minsken útskolden, slein en bedrige hienen. Dûmny Weit wie by syn besite hjir in hûs yn de Krússtrjitte ynflechte en dêrnei is hy mei in
L. C. 18-8-1871.
Nadat men vernomen had, dat toch eindelijk door het bestuur der Klassis Leeuwarden M.(elchior) Wijt te Beetsterzwaag beroepen was tot predikant alhier, is door 170 lidmaten, 240 gehuwde en 140 ongehuwde personen boven de 18 jaar, alhier in deze gemeente woonachtig, een adres aan M. Wijt ter hand gesteld, met het dringend verzoek, dat Z. Ew. toch die beroeping NIET aanneemt, maar mag besluiten om voor dezelve te bedanken. Ongelukkig kan de toestand der gemeente worden genoemd, daar een predikant zoo tegen den wensch der gemeente benoemd is, door bijna geheel buiten de gemeente wonende floreenplichtingen.
BERLIKUM. Augustus 1871.
K. J. v. d. Schoot.
L. C. 20-9-1872.
Kerkvoogden bij de Hervormde gemeente te BERLIKUM noodigen bij deze de Floreenplichtingen bij die Gemeente uit tot eene vergadering op Dinsdag den 26 September e. k. ‘s - morgens om 10 uur ten huize van (de kastlein) W.(illem) G.(atses) Haanstra.
1. Vast te stellen het Paatselijk Reglement op het Beheer van Kerkelijke Goederen en Fondsen te BERLIKUM.
2. Op te neemen de Rekening, dienst 1871.
3. Te onderzoeken de Begrooting, dienst 1873.
4. Te besluiten omtrent een ingekomen verzoekschrift tot benoeming en bezoldiging van een Onderwijzeres in de Vrouwelijke Handwerken.
Reglement, Rekening, Begrooting en Adres liggen ter inzage ten huize van J. Groenewold.
De Kerkvoogden, E.(gge) P.(ieter ’s) Pieterzen, G.(adse) L.(olke ’s) Boomsma, D.(irk) K.(ornelis) Mulder van Leens.
L. C. 11-5-1950.
KERKVOOGDEN hebben niet alleen stoffelijke, doch ook vooral geestelijke taak.
Jaarvergadering Vereeniging Nederlands Hervormde Kerkvoogdijen. De afdeling Friesland van de Vereniging van Kerkvoogdijen in de Nederlands Hervormde Kerk hield gisteren in de Harmonie te Leeuwarden haar traditionele jaarvergadering, waarop weer tal van belangrijke aangelegenheden aan de orde kwamen. De voorzitter, de heer J.(ouke) Bakker, van Menaldum, memoreerde in zijn openingswoord de grote geestelijke nood die er vooral in de grote steden, doch ook op het platteland heerst. De kerkbouw KAN GEEN GELIJKE TRED HOUDEN met de bevolkingsaanwas, vooral ......... .......... Nadat ds. Bijl van BERLIKUM een wijdingstoespraak naar aanleiding van 1 Cor. 8: 1 had gehouden en de jaarverslagen waren goedgekeurd ......... ........ De kerkvoogden en de nieuwe Kerkorde (K. O.) ....... ....... er zijn vele bezwaren geuit tegen de figuur van de ouderling-kerkvoogd. Ook het hoofdbestuur had graag gezien, dat men als vierde ambt dat van kerkvoogd had geschapen. Dit is echter op theologische gronden niet mogelijk gebleken. Het maakt evenwel weing verschil en is in wezen niet meer dan een naamskwestie ....... ...... De nieuwe K. O. plaatst de ouderling-kerkvoogd BINNEN HET KADER VAN DE KERKERAAD. Evenwel behoudt de kerkvoogdij haar zelfstandigheid, zij wordt niet door de kerkeraad opgeslokt. De ouderling-kerkvoogden kunnen, als zij dat willen, volledig lid zijn van de kerkeraad. Het kan zich echter ook op zijn wens ALLEEN met stoffelijke zaken (sa ’t earder altyd wie yn tsjerke, en ek yn in protte doarpssaken ) bemoeien. Als de nieuwe K. O. zal worden aangenomen, zal zij op 1 mei 1951 van kracht worden. De overgang zal evenwel niet met een schok gaan, doch geleidelijk en rustig verlopen. In alles zal ....... ....... De plaatselijke gemeente zal zelf beslissen of de kerkvoogdij zich bij de nieuwe K. O. zal aanpassen, ja dan nee.
Yn BERLTSUM hat de tsjerkfâdij har oan de nije regeling oanpast. Op in protte oare plakken bliuw de tsjerkfâdij selsstannich ûnder de âlde regeling. De tsjerkfâden hjir kamen no “yn it hek” te sitten. No nei de fúzje ta P. K. N. wurde se yn de nije Tsjerke Oarder “kerkrentmeesters” neamd of wol op syn Frysk: tsjerkerintmasters.
L. C. 17-8-1931.
Het gevaarlijke van zich op een rijwiel door een auto te laten meevoeren is herhaaldelijk gebleken en toch zijn er nog altijd personen die het maar wagen, de kans op een bekeuring of ongeluk riskeerende. Het laatste overkwam de bouboer Dirk M.(ulder) v.(an) L.(eens) D.(ijkstra) te WIER die zich op een rijwiel tusschen BERLIKUM en WIER aan een rijdende auto vasthield. De auto, een melkauto, moest uitwijken voor een andere auto en haalde tot aan den rand van den berm uit, waardoor de wielrijder in de berm terecht kwam en tegen een aldaar staand telefoon-kastje aanbotste. Hij werd bloedend aan het hoofd verwond. Aanvankelijk leek het, dat het ongeval nog al goed was afgeloopen, doch den volgenden dag moest de hulp van den dokter worden ingeroepen, die opneming in een ziekenhuis noodzakelijk achtte.
(Hy is de nammegenoat en pakesizzer fan boppeneamde tsjerkfâd en wie oan de drank ferslave. Hy hie in motorfyts en hat hiel wat bekeurings betelje moatten yn syn libben. Syn segje tsjin de plysje wie altyd, skriuw mar op: “D. M. van L. , sûnder ljocht en sûnder bel.” Ek gie hy ris mei syn eks frou Roos(je) út iten doe ’t hja 25 jier skieden wienen om dit te fieren. Dit barde op in freed-temoarn yn it restaurant ûnder yn de kelder by V. & D. Hy siet fol mei grapkes en koe as de bêste moppen taapje wêrfan in protte op it kantsje. Syn soan wie in wrâldferneamde (skriftlike) skaker en wenne op de Winkelpleats op MOAIE PEAL. In protte grêven fan de famylje lizze no noch op it Berltsumer tsjerkhôf.)
Lofts, Rjochts, Liberaal, Ortodoks, Modern, Frijsinnich.
Earder al: Remonstranten – Kontra-Remonstranten, Voetianen (folgelingen fan Gisbertus Voetius) – Coccejanen (folgelingen fan Johannes Coccejus), Krekten (Presizen, Kalvinisten stipe troch prins Maurits) Rekliken - (Ynskikliken, Remonstranten stipe troch Van Oldenbarneveld). Partijen (rjochtings, groepen) binne der altyd al west yn de Herfoarme tsjerke krekt as ek yn de Minniste en oare tsjerken. Altyd ûnder oare beneamingen. Sûnt it ûntstean fan de Grifformearde (Herfoarme) gemeente fan BERLTSUM wie dizze, krekt as yn alle doarpen fan de gemeente MENAMERADIEL, altyd Ortodoks west. Yn de twadde helte fan de 18e ieu wie fierwei it grutste part fan it grûnbesit dat ta in doarp behearde yn eigendom fan de doetiidske Grytman fan MENAMERADIEL, Frederik Georg Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg dy ’t bekend stie as immen dy ’t neat fan de Ortodoksy hawwe moast. Hy wie in waarm foarstanner fan it preekjen yn de geast fan syn tiid, dêrtroch beynfloede troch de saneamde Ferljochting. De grutte boeren (dy it noch bringe koenen ta Bysitter yn in Gritenij) wienen foar in grut part ek syn meistanners. As grutste floreenplichtigen hienen dizze persoanen teffens in grutte stim oangeande it beneamen fan dûmnys en it útoefenjen fan tafersjoch op it behear fan it tsjerkeguod. Foaral yn Bitgum hie de Baron in grutte ynfloed. Troch de definitive skieding fan tsjerke en steat waarden de floreenplichtigen letterlijk fan alle kontrôles ûntheven en koenen hja dwaan wat hja woenen. Sa joegen hja tsjerklik jild út foar saken as: steatsûnderwiis, bou fan skoallen en ûnderwizerswenten, oanliz en ûnderhâld fan wegen en sleatten, oankeap fan in brânspuit, it stiftsjen fan in bibleteek en neam mar op. De saneamde nuttige doelen. Tsjinstân koe dêrom dan ek net útbliuwe. Yn 1874 waard it “Anti Floreen Bûn” oprjochte en fia it ferneamde proefproses fan Easterein, (by Wommels) wêr ’t ek in frijsinnige dûmny yn in yn haadsaak rjochtsinnige gemeente oansteld wie, siet de feroaring der oan tekommen. Mar earst in útspraak fan de Hege Rie fan 17 juny 1881 ferlosse de tsjerke fan de macht fan de grutgrûnbesitters en dy datum wurdt dan ek sjoen as in mylpeal yn de skiednis fan de Herfoarme tsjerke yn Fryslân (en dus ek yn BERLTSUM). Sjoch Fokkema, Algra en oaren dêroer. De tsjerkfâden fan 1881 t. w. E. P. Pieterzen, G. L. Boomsma en D. K. Mulder van Leens moasten dan ek it fjild romje foar in troch de tsjerklike gemeente keazen tsjerkfâdij. G. L. Boomsma is nei dit machtsferlies hjir letter nei de Minniste tsjerke oergien en D. K. Mulder van Leens hat doe letter foar de Herfoarme tsjerke betanke as lidmaat. De tsjerkeried hjir hat by my witten altyd foar in grut diel en grif nei 1867 (* as gehiel, altyd rjochtsinnich west.
Doe ’t dûmny Swijghuisen Reigersberg hjir beroppen waard yn 1872, is in advertinsje yn de Ljouwerter Krante setten wêrby ’t de (gehiele) tsjerkeried de beroppen dûmny net as wettich dûmny erkende. De bewearing fan Anne Leendert ’s Runia yn syn taspraak by it 50 jierrich bestean fan de Dolearjende tsjerke hjir, dat de TSJERKERIED yn de tiid fan Swijghuisen Reigersberg “omgien” is klopt nei myn betinken dus net. (sjoch ek 9) Yn 1867 koe de tsjerkeried al troch de (foar it fierwei grutste part rjochtsinnige) Herfoarme gemeente keazen wurde. De TSJERKFÂDEN pas yn 1882. De bewearing fan Anne Leendert ’s Runia, dat de tsjerkeried doe frijsinnich wie klopt perfoarst net. Dat dûmny Swijghuizen Reigersberg ortodokse dûmnys fan bûten BERLTSUM tsjinhâlde koe om hjir te preekjen en letter dêroan tajoech klopt ek net. Dy koenen hjir frij foargean, allinne hy koe harren DE PREEKSTOEL (** wegerje en dat hat hy oant syn dea ta dan ek dien. De tsjerkeried besliste ommers hokker dûmnys hjir foargean mochten en NET de dûmny allinne. Hy wie de ienige tsjinstanner yn de tsjerkeried fan destiids, doe besteande út 7 man. (3 âlderlingen, 3 diakens en de dûmny.) It preekjen fanôf it (ôfkondigings) boardsje woe men dy (gast)dûmnys net oandwaan. De ortodokse tsjerketsjinsten waarden dan yn de skoalle efter Buorren húsnûmer 79 hâlden. De bewearing fan Anne Leendert ‘s Runia, dat dûmny Nijenhuis hjir net dolearje woe omdat hy it traktemint en pastoarije leaver hie dan om, sa ‘t hy sei, “den Heere te dienen” klopt nei myn betinken ek net. Hy woe, krekt as syn befêstiger, de Herfoarme tsjerke fan binnen út “reformearje” en net “op “en nij oprjochtsje”. De tsjerke moast fan binnenút reformearre wurde en net dêrbûten. Hja wienen yn syn opfetting, as jo bûten de tsjerke stean gienen, net reformearjend dwaande, mar separearjend. Dy belofte by syn beropping hat hy hjir dan ek wier makke. Wol hie hy by syn beropping betongen dat de tsjerkfâdij foar syn ynkomsten garant stean soe mocht it hjir ek op in skieding útrinne krekt as yn Amsterdam. Dat dit net mei de Doleânsje meigean fan de dûmny foar syn heit Leendert Pieter ‘s Runia en oaren in teloarstelling wie is dêrom wol te begripen. Anne Leenderts, berne op 2-7-1870, stoarn op 13-2-1951, wie krekt as syn heit keapman (en winkelman). Hy wie troud mei Trijntje, de op 1-2-1875 berne dochter fan Jippe Pieters Binnema en Antje Johannesdr. Werkhoven. Hy hat it hûs Hôfsleane húsnûmer 111 bouwe litten, wer ‘t letter Gosse Hylkes Miedema sr. wenne hat en wer ’t syn pakesizzer Gosse Miedema jr. no yn wennet. (Goasse troud mei Sjieuwke Meijer.)
Fuotnoaten:
(* Yn 1867 krigen de Herfoarme gemeenten it rjocht om de tsjerkeried te kiezen en in dûmny te beroppen. Dêrfoar gie dat troch de wei fan koöptaasje. Hjir yn Fryslân bliuwen nettsjinsteande de floreenplichtigen lykwols dejingen dy’ t it hêft yn hannen holden om tsjerkfâden en dûmnys te beroppen.
(** Oan Dirk Willems Lautenbach waard yn de tsjerkeriedsgearkomste fan 23- 2-1877 troch dûmny Swijghuisen Reigersberg meidield dat, op syn fersyk om op snein 4 maart 1877 in Ortodokse dûmny “voor de gemeente te doen optreden niet kan (worden) voldaan. Hij zegt dat de Orthodoxie ‘t er hoelang zoo meer op toelegt om hem (Swijghuisen Reigersberg) en zijne geestverwanten het leven in de kerk te veronaangenamen, dat zij zelfs pogingen begint aan te neemen om hem en zijne geestverwanten uit de kerk te verdrijven, ‘t geen hij vreest dat haar misschien eens zal gelukken, zoodat vele redenen o. a. ook zelfbehoud hem noopen om aan de Ortodoxie geen concessiën te doen maar haar zooveel mogelijk tegen te gaan”.
Yn in tsjerkeriedsgearkomste fan 1 maart 1867 waard ek al ris troch tsjerkeriedslid S. W. Koopmans oan dûmny Martinus de Boer frege of ’t hy sa goed wêze woe om de PREEKSTOEL in kear ôf te stean oan dûmny J. Noordink fan Baaium/Wjelsryp. Dan lêze wy yn de notulen: “De voorzitter (dûmny de Boer) verklaart zich ongenegen DEN PREDIKSTOEL den genoemden af te staan en algemeen was men van oordeel, dat alhier geen termen bestaan om eene bijzondere gelegenheid voor het prediken van eenen anderen leraar open te stellen”. De dûmny wie de baas oer de preekstoel. Hy gie neffens it reglemint ek oer de oarder fan tsjinst en oer de begjintiden fan de tsjerketsjinst.
De bewearing fan dûmny Jan Imbertus Swijghuisen Reigersberg, dat de tsjerkeried oarspronklik (hielendal?) fan Liberale rjochting is, klopt neffens my ek net. By de beropping fan dûmny Lambertus Martinus de Boer yn 1843 wienen hjir ek al 3 partijen, t. w. 2 Liberale en 1 Ortodokse. De iene Liberale partij woe de liberale (evangelyske) dûmny Martinus Lambertus de Boer hjir hawwe, de oare de tige frijsinnige dûmny L.(ouis) S.(uson) P.(edro) Meijboom (* fan Stiens. De Ortodokse partij dûmny J.(an) D.(aniël) Beman Brouwer fan Wjelsryp/Baaium.
(* Hy hie al earder yn Wjelsryp stien as helppreker, en letter as dûmny yn Waarder, in tsjerke no fan de Grifformearde Bûn binnen de P. K. N. mei op dit doarp dêrneist sûnt koart ek noch in tsjerke fan de H. H. K. Louis S. P. Meijboom, doe noch kandidaat ta de tsjinst by de Nederlânsk Herfoarme tsjerke, hie ek ris in troch de Teologiske Fakulteit fan Grins útskreaune priisfraach wûn, geande oer de fertsjinsten fan de bekende Frans van Hemsterhuis út Frjentsjer oangeande de lear fan God en de belutsenheid fan de minske ta God. Syn antwurd waard mei goud bekroane. L. S. P. Meijboom (1817-1874) behearde letter ta de tige frijsinnigen yn ‘e Herfoarme tsjerke.
Yn 1871 stiene 2 partijen fûl tsjinoer inoar, de Liberalen (ek wol frijsinnigen, modernen of groven (groffen) neamd) mei oan it haad de tsjerkfâdij besteande út Egge Pieter ’s Pieterzen, Dirk Mulder van Leens en Gatze Lolke ’s Boomsma. En de Ortodoksen (ek wol de rjochtsinnigen of finen (fijnen) neamd) mei oan it haad de tsjerkeried besteande út Johannes G. van Temmen, Nanne Sybe ’s Osinga, Sybe Sybe ’s Osinga, Willem Jan ’s Spoelhof, Aart Klazes Aartsma en Jan Gerrit ’s Hacquebart. De Liberalen woenen dûmny Melchior Wijt (** fan Beetstersweach hjir hawwe en de Ortodoksen dûmny Ernst Frederik Kruyff (* fan Hilaard. De earste stimming op 31 jannewaris 1871 waard net jildich ferklearre fanwegen gebrek oan it net yn acht nimmen fan de formaliteiten. By de twadde stimming op 31 maaie 1871 waarden op dûmny Wijt 150 en op dûmny Kruijff 128 stimmen útbrocht. De stimming waard troch de rjochtsinnigen oanfochten en as net jildich beskôge. Om in lang ferhaal koart te meitsjen. Hjir fûn fan Ortodokse side in folks-opstân plak. Der waard beledige mei wurden en dieden en ek fûnen fjochterijen plak. By de tsjerkfâden waarden alle rúten ynslein. Fiif belhammers waarden oppakt en hawwe in pear wike yn de finzenis fan Ljouwert trochbrocht. (Sjoch ek 53) Oh, dy Berltsumers! (fan doedestiids). Beroppings fan dûmnys yn BERLTSUM (en op oare plakken) hienen yn it ferline ek altyd al in protte fuotten yn de ierde hân.
(Reaksje fan de KARTHUIZERS, en letter ek fan in protte fan de Herfoarmen dy ‘t de Herfoarme tsjerke trou winsksten te bliuwen wie: Numquam reformata quia numquam deformata, d. w. s. nea reformearre - want ommers nea deformearre. (d. i. de folmakke tsjerke fine jo nearne en sa ’n tsjerke is ek nea te formearjen, want deformaasje sil der altyd bliuwe.)
Wat my op ien fan de stimbriefkes, dy ‘t ik yn hannen krige, opfallen wie, is dat destiids troch guon fan de doe yn my eagen rjochtsinnige persoanen, in stim útbrocht is op Melchior Wijt. Hja bliken, en letter ek harren neiteam, yn alles de rjochtsinnige kant oer te hingjen. Wie it omdat hja net (goed) lêze of sjen koenen of der gjin weet fan hienen wêr ‘t hja it krúske sette moasten?
Stimmers mei 5 of mear stimmen op ds. Kruyff wienen û. o. Klaas Sybes Osinga (5), Jantje Boukes Roorda (9), de lêsthawwer fan de Fâdij fan it Boargerlik Weeshûs te Ljouwert (6), Titia Tetmans Dijkstra (15), Ytje Piers Lettinga (18) en de stimmers mei 5 of mear stimmen op ds. Wijt wienen û. o. de tsjerkfâden fan Berltsum (18), Hiltje Cannegieter (15), Antje Ymes Sevenster (12), Pieter Tjeerds Boelstra (11), Cornelis Wierdsma (11), Sierd Tjeerds Boelstra (11), Cornelis Wierdsma (9), Arjen Jans Osinga (9) en Minne Jacobs Dijkstra (7), stimmen. De acht lêstneamden wienen allegearre stimmers fan bûten Berltsum. Fan de (yn myn eagen) doe rjochtsinnige Berltsumers hawwe Pieter Th. Runia (1), Pietje Th. Runia (1), Douwe Th. Runia (3), Sjoerd Tj. Peterzon (3), Simon Jelles Lautenbach (3) en Eeltje Symons Lautenbach (4) ek op ds. Wijt stimd.
GOETHE skriuw al yn in gedicht:
----------------
Zwei Gegner sind es, die sich boxen.
Die Arianer und die Orthodoxen.
Durch viele Säcka dasselbe geschickt,
Es dauert bis an das jüngste Gericht.
------------------
Yn it Hollânsk oerset:
Twee strijders ziet ge samen boksen.
De Arianen en de Orthodoxen (Voetianen),
Zoo was het steeds en anders niet.
Zoo zal het zijn in ’t verst verschiet.
---------------------
Fuotnoaten:
*) L. S. P. Meijboom wie fan de Grinzer rjochting. Hy krige yn 1844 te Stiens in gemeente fan plm. 1800 leden w. û. sa ’n 500 kategisanten weroan hy wol 20 oeren yn de wike bestege. It wie in iverich man. De Stiensers wienen dan ek tige wiis mei him, Boppedat wie him de wittenskiplike oplieding fan 8 jonge lju tabetroud. It wie boppedat in ynteger en beminlik man dy ‘t iepen stie foar eltsenien. Hy wie dêrom ek tige “gewild”. Hy hat dan ek mar koart yn Stiens stien en waard yn 1846 al wer nei Nijmegen feroppen wêr ‘t hy in goede tiid hie. Doe nei Grins, wêr ’t hy wer in protte âlde bekenden tsjinkaam en ek in protte wittenskiplik wurk die. Doe ‘t hy dêrnei te Amsterdam feroppen waard joech dit dêr in protte heibel. Hjir fersetten de rjochtsinnigen harren ek tige tsjin syn komst mar waard letter hjir wol mear waardearre troch syn wurk as dûmny. Hy hat in protte skriften neilitten. Syn “ferljochte” preken lutsen in protte tsjerkegongers, somtiden wol 400. Gjin wûnder dat der ek floreenplichtigen wienen dy ’t him nei BERLTSUM beroppe woenen, oaren keazen foar M. L. de Boer omdat hy út Fryslân kaam.
(* E. F. Kruyff wied berne yn 1834 te Wamel (by Tiel) as soan fan in (haad)skoalmaster oan de iepenbiere skoalle dêr. Hy waard op 19 april 1868 dûmny te Hilaard yn in foar dit doarpke fierstens te grutte tsjerke foar sa ’n lytse gemeente. Mar der kamen sneins in protte minsken út de omkriten om syn preken te belústerjen, foaral ek út BERLTSUM kaam eltse snein in grutte groep mei reau en al nei dit doarpke ta en bliuwen oer om ek de middeispreek belústerje te kinnen. Yn 1872 naam hy it berop nei Velp oan. Hy troude dêr mei Marie Henriëtte Swarth, dy ’t mei har suster dêr eltse simmer kaam te útfanhúzjen. Yn 1875 kaam in berop fan Ljouwert, en waard útbrocht troch, en no komt it (!), troch in FRIJSINNIGE tsjerkeried. Hjir blykt út dat Kruyff, as ortodoks/irenysk dûmny, NEA in partijman west hat. Yn BERLTSUM hienen destiids trouwens ek al inkelde frijsinnigen op him stimd. Hy hie graach yn Velp bliuwe wollen mar naam dochs it berop nei Ljouwert oan, wer ’t hy oant 1878 dûmny west hat. Foaral jonge minsken waarden lútsen troch syn frisse en aktuele preken oer it barren yn dy tiid. Se wienen út it libben grepen en syn preken koenen gjin werhellings. It ivich-aktuele rekke yn de evangeeljeferkundiging nea op de eftergrûn. Hy wie minlik en taktysk yn syn hanneljen. Hy promovearre op 29 juny 1877 ûnder professor Nicolaas Beets (bekend fan de Camera Obscura) mei it proefskrift: De opkomst der Gallicaansche kerk. Op 1 juny 1878 oanfurde hy it heechlearaarsamt te Grins. Hy wie de ienige Ortodokse heech- learaar neist syn amtgenoaten fan de Grinzer- en Moderne rjochting. De Herfoarme Gemeente fan Grins is in protte oan him ferplichte. Hy wie ien fan de stifters fan it Diakonessehûs dêr en hat de grûnslach lein foar de bou fan in nije tsjerke yn it Eastlike part fan de stêd. It meast hat hy yn stilte arbeide op it gebiet fan it Kristlik ûnderwiis, wêrfan hy in waarm foarstanner wie. Nei syn emeritaat yn 1905 hat hy him ta wenjen set yn Den Haach op it Sweelinckplein 62. Hy wie in akademyske freon fan dr. Ph. Hoedemaker. By de iepening fan de C.N. S. skoalle yn de Buorren op 15-12-1866 hat hy hjir de iepeningsrede holden. Hy wie sels earst ek skoalmaster west krekt as syn heit en syn âldere broer Gijbert Dirk.
(** Melchior Wijt wie berne op 19-2-1840 te Rotterdam (as ik it goed ha, út in boekhannelers-sibbe) en op 22- 9-1870 te Menaam troud mei Anna Maria Posthuma fan Dronryp. De Wijt sibbe komt oarspronklik út Dútslân. Hja binne beide stoarn yn harren lêste wenplak Haarlim. Hy wie ien fan de 5 beskermers fan de “Maatschappij tot bevordering van de Toonkunst”. Master J. H. Groenewold wie as ienige út BERLTSUM ek lid fan dizze Maatskippij.
Lês ek it boek “Herinneringen aan de gebeurtenis der moderne richting op het platteland in Friesland” fan M. Wijt – Posthuma.
De rjochtingenstriid hearske foaral yn de Klassis Frjentsjer.
Yn de omkriten fan BERLTSUM dus. Yn dizze Klassis wienen de loftsen en de rjochtsen ûngefear like sterk. Yn de Klassis Dokkum en Snits wienen de ortodoksen (* yn de mearderheid. Yn Ljouwert en It Hearenfean de frijsinnigen. Yn 1889 wie ien tredde fan alle Nederlânske ûntsjerkliken yn Fryslân te finen. It lanlik persintaazje ûntsjerkliken bedroech doe 1.5 % tsjin Fryslân 7.1 %. Yn 1899 2 %. (Yn 1958 wienen der fan de 1412 Herfoarme gemeenten yn Nederlân noch 373 frijsinnich.) Yn 2010 is no mear as 45 % fan ús lân net tsjerklik. Yn BERLTSUM besykje yn 2010 fan de 2500 ynwenners op snein yn trochsnee no noch sa ’n 170 minsken in (P. K. N.) tsjerketsjinst. Dat is in lytse 7 %.
Fuotnoat:
(* It Gr. Orthos = rjocht, doxa = miening, lear)
Sjoch:
De geschiedenis van het Patronaatregt anders genoemd Kollatieregt in verband met het Christelijk kerkbestuur sinds de vroegste tijden tot op den tegenwoordigen tijd door A. Ypey, doctor en hoogleraar der godgeleerdheid te Groningen. Tweede druk. Te Breda by Broese en Comp. (1829) Geschiedenis van het Patronaatregt in verband met het Christelijk kerkbestuur sedert Karel den Grooten tot de Kerkhervorming in de zestiende eeuw.
(Op side 610 wurdt dûmny Gerhard v. d. Tuuk te BERLTSUM neamd.)
Om 1900 hinne stienen yn Fryslân (noch) sawat 25 dûmnys fan de (âlde) Grinzer rjochting, hjir ek wol de Evangelyske rjochting neamd, op de stoel. Sa ‘n 90 fan de (dêrnei opkommen) moderne (frijsinnige) rjochting en de ortodokse (rjochtsinnige) oanhing plm. 125 dûmnys.
FRIJSINNICH (de GROFFEN) - RJOCHTSINNICH (de FYNEN)
It ûnderskie hie foaral te krijen mei it fundearjen fan religieuze wearden en noarmen, en it tawizen fan it foech yn it sanksjonearjen by it ôfwiken fan dizze wearden en noarmen. Ortodoksen ûnderskriuwen de belidenisskriften, woenen acht jaan op in strang neilibjen fan ‘e Bibel en oefenen leartucht út. Frijsinnigen stienen kritysk oangeande de tradisjonele wurdearring fan ‘e tsjerke en de Bibel en stienen iepen foar de resultaten fan it moderne wittenskiplike ûndersiik. Hja wienen prinsipieel tolerant tsjinoer oarstinkenen en ûntkennen dêrom it foech fan ‘e tsjerke om harren leden ferplichtings op te lizzen oangeande de ynhâld fan it leauwen. Úteraard giet it hijrby om in ideale typyske omskriuwing, yn wurklikheid kamen in protte oergongsfoarmen foar.
Yn 1920 wie 27 prosint fan ‘e Herfoarme dûmnys frijsinnich en yn 1985 noch mar 3 prosint. Yn itselde jier 1985 wienen der sa ’n 393 dûmnys lid fan ‘e Grifformearde Bûn, dat is sa ’n 23 prosint fan it totale oantal Herfoarme dûmnys. De Grifformearde Bûn makket hjoed de dei sa ’n kwart út fan ‘e Herfoarme tsjerke. De Berltsumer Herfoarme tsjerke is fierwei in Konfessionele gemeente al wie der letter sûnt de komst fan dûmny van Wakeren ek in groepke dy ’t mear en mear de Grifformearde Bûns kant opgean woe.
IN PROTTE FEROARE
Sûnt it fuortgean fan de Frânsken (1789 – 1812) út Nederlân is der in protte feroare op tsjerklik mêd yn ús lân. Bûten Fryslân waarden foarhinne in protte tsjerklike kolleezjes troch de oerheid oansteld. Yn ‘e tiid fan Napoleon en de Ferljochting en dêrnei feroare der in protte. Der kaam in skieding fan Tsjerke en Steat. Sa waarden de tsjerken net mear stype troch it Regear en moasten hja no sels harren saken behertigje. Salarissen fan dûmnys waarden net mear troch de Steat útbetelle en it ûnderhâld fan de tsjerkegebouwen moasten de gemeenteleden no sels bekostigje. Op in protte lytse doarpkes dy ’t net folle besittings hienen, lykas bgl. in doarpke as Jelsum, wie it gjin fetpot foar de dûmnys. Sa hierde in dûmny dêr wat lân by en buorke somtiden sels of liet it troch in setman dwaan. De Jelsumer dûmny wie mear túnker dan feeman. Der wienen ek dûmnys dy ‘t sels wat of in soad besittings hienen en sa, neist it salaris, wol in rom bestean opbouwe koenen. It ferskilde dus tusken de doarpen. De Steat hat yn it ferline in protte tsjerklik besit fan ‘e tsjerken ôftroggele en is dêrom, en dat is myn betinken, dan ek moreel ferplichte om mei te beteljen yn it ûnderhâld fan de âlde tsjerkegebouwen.
DE FERLJOCHTING
De “Ferljochting”: de tiid wêryn’t opfettings oer polityk, filosofy, wittenskip en religy binnen de Westerske wrâld yngeand op ’e nij sjoen waarden. It wie de tiid wêryn ’t men harren begûn te ûntskuorren oan it dogmatyske autoriteits leauwen en socht men nei nije foarmen fan gearwurkjen, nei rjochtfeardigens, demokrasy en minskenrjochten. It wie de tiid fan ‘e Frânske Revolúsje, fan “Frijheid, Gelikens en Bruorskip”. It wie de tiid dy ’t liedde ta de konstitúsje fan ‘e Feriene Steaten fan Amearika mei harren frijheidsideaal. De útgongspunten wienen tolerânsje, ferdraachsumens, respekt foar de miening fan in oar, it besef dat elts minske rjocht hat selsstannich te sykjen nei wierheid en dit ta te passen foar syn tinken en hanneljen yn ‘e maatskippij. Útgongspunten dy ’t karakteristyk binne foar it “Ferljochtingstinken”.
Der wie in grut ferskil tusken de Frânske omkear en de Amearikaanske. De earstneamde omkear hie in dúdlik anti-tsjerklik en sels anti-godtsjinstich karakter. De macht fan ‘e Roomske tsjerke yn Frankryk moast brutsen wurde. It biedwurd fan de Frânske révolúsje wie “Gjin God en gjin master”. Dat lei by de Amearikaanske révolúsje wol in slach oars. De mannen dy’t de Amearikaanske frijheid befochten en de Feriene Steaten útroppen, wienen yn harren tinken stimpele troch de ideeën fan de Ferljochting. Dêryn stimden hja yndie mei de Frânske revolúsjonêren oerien. Mar de Amearikanen wiene net, krekt as de Frânken anti-godtsjinstich. Hja leauden yn God. Se hongen of it deïsme oan, of in mear ortodoks protestânsk kristendom. Dat bleau tekenjend foar te Amearikaanske maatskippij – fan heech oant leech. Mear as by it roomsk katolisisme biedt it protestantisme romte foar it persoanlik en selstannich tinken, wêr’t de Ferljochting sa op foar stie.
IT KOLLAASJERJOCHT
It kollaasjerjocht, nei it Latynske “praesentatio sive collatio”, yn it Roomske tsjerkerjocht “jus patronatus”, is it rjocht om in geastlike, in pastoar of in dûmny foar te dragen foar beneaming. Dit rjocht wie erflik en waard yn Nederlân yn 1922 ôfskaft mei de omskriuwing dat de eigner it rjocht oant syn of har dea ta noch útoefenje mocht. Prinses Wilhelmina der Nederlannen besiet oant har dea ta yn 1962, as lêste partikulier, it rjocht fan kollaasje yn Apeldoorn. Hja socht dêr de dûmnys út. It kollaasjerjocht wie ferhannelber. It kaam ek wol foar, dat in heer oan in tsjerkerie ferlof joech om ta it beroppen fan in dûmny oer te gean. Dit waard it “hân iepenjen” neamd. By it feroarjen fan de grûnwet yn 1922 is it kollaasjerjocht yn Nederlân ôfskaft. Der wienen grutte regionale ferskillen dy ’t hjir yn de ieuwenlange tsjerkeskiednis ûntstien binne.
-------------------------------------------
DE NJOGGENTJINDE IEU
Tsjerke en leauwen wienen yn Nederlân yn ‘e njoggentjinde ieu wichtige maatskiplike ferskynsels. Krekt nei it midden fan ‘e ieu wie sprake fan in frijtinkersbeweging. It formele tsjerkeferlitten krige noch wat letter ienige omfang. De rjochtings yn de Herfoarme tsjerke profilearren en organisearren harren hieltyd dúdliker tsjinoer inoar. De tsjinstellings en spannings tusken ferskate rjochtings waarden sa grut, dat it yn de rin fan ‘e ieu ta ferskate ôfskiedings kaam. Hjirtroch ûnstie in aparte Grifformearde tsjerketype neist de Herfoarme tsjerke. Meiien ûntwikkele har in dúdlik kenber modern frijsinnich type, wilens ek de lytsere eardere dissenter tsjerken fan de striid tusken Modernisme en Ortodoksy ynfloeden ûndergienen. It tsjerklik hiem rekke mear en mear bûnt en ferdield.
GODTSJINSTIGE FERHÂLDINGS
Ned. Herf. Tsjerke
Roomske Tsjerke
Doopsgesinde Tsjerke
Grifformearde Tsjerken
Israëlieten
Ûntsjerklik
1809
55.5
38.1
1.4
--.--
1.8
--.--
1899
48.6
35.1
1.13
7.10
2.01
2.30
----------------------------------------------
LANLIK
RJOCHTINGS yn de NEDERLÂNSK HERFOARME TSJERKE yn 1920
Frijsinnich
Etysk
Konfesjoneel
Grifformeard(e)(Bûn)
618.956
854.650
(1864) 789.191
(1906) 572.798
21.8 prosint mei 472 dûmnys
30.1 prosint mei 461 dûmnys
27.8 prosint mei 408 dûmnys
20.7 prosint mei 281 dûmnys
---------------------------------------------
Sjoch: BUITENKERKELIJKHEID in FRIESLAND.
Volk in Friesland buiten de kerk. Bouwstenen voor de kennis der maatschappij.
(Wumkes)
Phillippus Breuker, bysûnder heechlearaar Fryske taal- en letterkunde
oan de universiteiten fan Leien en Amsterdam skriuwt yn syn boek:
DE GREIDHOEKE, LÂN FAN MINSKEN FAN 800 – OANT 1800 EN LETTER.
oer de opmerklike ferskillen tusken de eardere gemeenten Hennaarderadiel en Baarderadiel. Beide gemeenten foarmje sûnt 1984 Littenseradiel. Hennaarderadiel besiet wat de beropsbefolking en wolstân oangiet in mear homogene befolking , dy ‘t mear út boeren en minder út ambachtslju en nearingdwaanden bestie. Adelike bewenning konsintrearre him nei 1500 mear yn it eastlike part fan Baarderadiel. Dêr konsintrearre him ek de feehannel, fûnen de measte merken (kermissen) en hurddraverijen plak. De ynwenners fan fan Baarderadiel dienen yn de 17de ieu mei oan de belestingopskuorren. Yn Hennaarderadiel fielde men dêr neat foar. Fanôf 1770, doe ’t in tiid fan wielde oanbriek, oerhearske yn Baarderadiel patriottisme en yn Hennaarderadiel prinsgesindheid en ortodoksy.
(Mar ek it ferskil bgl. tusken ortodokse doarpen lykas Spannum, Baaium en Wjelsryp en de mear frijsinnige doarpen as Winsum, Baard, Wiuwert wienen ek tige grut.)
Sa wiene der ek grutte ferskillen tusken de gemeente MENAMERADIEL en de hjir omhinne lizzende gemeenten lykas it Bilt, Barradiel en Frjentsjerteradiel, mar ek tusken de doarpen fan Meameradiel sels. Yn Menameradiel wienen de measte doarpen frijsinnich, tink oan WIER, Bitgum, Marsum, Deinum, Boksum, Blessum en Dronryp. BERLTSUM wie haadsaaklik rjochtsinnich en yn Menaam sawat de helte fan de befolking.
DOOPNOOD
MIDDELBURGSCHE DAGBLAD 22-5-1874
De gemeente BERLIKUM in FRIESLAND werd dezer dagen verlost van eene ramp, welke men geen andere naam zou kunnen geven dan dien van doopnood. Een groot aantal ouders maakte namenlijk bezwaar hunne kinderen bij den modern gezinden predikant te laten doopen, dat er een ware opeenhoping van ongedoopte kinderen ontstond. De heer Warmoltsz, predikant te Sexbierum, maakte aan dezen toestand een einde door naar BERLIKUM over te komen en in één adem 45 doopelingen “af te doen”.
DE DORDTSE LEARRIGELS
Jonge opkommende Reformearre dûmnys yn Nederlân moasten de trije Formulieren fan ienichheid ûndertekenje. Fryslân hie dizze learrigels ek oannommen, mar it is net alhiel dúdlik oft se hjir altyd wol tusken 1619 en 1816 útfierd binne. Letter waard dêrom dan ek frege te ferklearjen yn te stimmen mei “de lear ‘oerienkomstich’ Gods wurd en de Trije formulieren fan ienichheid.” Heterotodoks wie yn dizze ferklearring fan ‘e ‘Lear fan Dordt’ dus de evenredige wize en in sekere frijheid fan leauwen, dat in wiere ferljochting har ek útwreidzje koe. De ferljochte mentaliteit fan ‘e dûmnys yn Fryslân waard diele troch in protte patrisiërs, begoedige boeren en dwaande boargers. Hjir yn Fryslân wie noch in protte kontakt tusken dizze groepen en de ferljochte eallju (hjir de van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg’s te Bitgum) en net tusken de “lytse lju” (de “kleine luyden”) dy ’t de âlde lear mear trou bliuwen. Lêstneamden hienen mar amper fiedsel fûn yn de yntellektualistysk-moralistyske preken dy ’t fanôf de kânsels oer harren hollen lâns en troch harren herten hinnegienen. Tsjerke en kânsel stiene te fier yn in wrâld dy ’t harren net wie, de wrâld fan patrisiërs, boargers en boeren. It moderne âld-liberalisme, letter de ‘Grinzer rjochting’ en nog wer letter de ‘Evangelyske rjochting’ neamd, sloegen by de gewoane ienfâldige man net oan. In protte fan harren gienen op syk nei de destiids net folle oerbleaune ortodokse dûmnys, lykas in Arnoldus Werumeus Buning te Eastermar, in dûmny Felix te Heech, in dûmny Warmolts te Seisbierrum, Fockens, Becking, van Berkum etc. Boereweinen waarden hierd en mei grutte ladings oan minsken waarden dêr de tsjerketsjinsten besocht. Sa ferhierde ek boer Melle Hanses van Dijk út Tsjom (besibbe oan ‘e Berltsumers Jan en Durk Ulbes van Dijk en Bram Joostema ) syn hynder en wein tsjin in fergoeding foar dizze tochten. Op in snein krigen de arbeiders de boer sels mei “en de Heare iepene ek syn herte for it Wird en nei in swiere striid rekke er ta folle frede” sa stiet te lêzen. Ja, dat hja letter sels nei Bedum en Stedum yn it Grinzerlân trieken om dêr dûmny Werumeus Buning te hearren. Lêstneamde dûmny is besibbe oan de beide eardere Berltsumer súvelfabryksdirekteuren Wilco en Arnoldus Werumeus Buning sr. en jr. By Melle Hanses van Dijk waarden dêrnei te Tsjom oan syn hûs ek gearkomsten hâlden.
Oer de minske, it libben en de wrâld hie de moderne teology net oars dan optimistysk tocht en oardiele. De swiere klanken fan in ‘troch it bloed fan in Ferlosser’, binne folslein fuortstoarn. Wol soe de autonome minske lije ûnder de spanning tusken syn libbensideaal en de werklikheid fan eltse dei, mar Kristus stie foar him as in útnoadigjend foarbyld, omdat Hy it ideale type minske is as Byld fan God. Tusken 1848 en 1870 kamen der nije stelsels ta stân, wêryn it gehiel fan Wiisgearige en Teolologyske beskôgings gearfette waarden. De moderne teology waard yn it foarste plak kenmerke troch in absolute ôfwizing fan elts supra-naturalisme (it boppe-natuerlike). Ûnder ynfloed fan ‘e natuerwittenskippen waard de wet fan oarsaak en gefolch algemien achtte en elts yngripen fan in boppenatuerlike macht yn ‘e wrâld fan minsken en dingen waard útslúten. It evangeelje waard net mear ferkundige mar bepaalde learstellige of morele punten basearren op spesifyk ideologyske opsjes.
IT KARTHUIZERHÔF yn AMSTERDAM.
Hast twa ieuwen lang fan 1392 oant 1578 hat Amsterdam in groep kleasterlingen herberge dy ’t de strange Karthuizer rigel neistribbe hawwe yn harren Konvint St. Andries–ter–Zaliger-Hoven. Dit Karthuizer kleaster of Karthuize beheart ta de earste Amsterdamse stiftings. It waard stifte yn 1392. De Karthuizer Oarder is oan it ein fan de 11e ieu ûntstien as ôfsplitsing fan de Benediktinen. It earste kleaster waard troch Bruno fan Keulen stifte yn La Chartreuse, oan hokker plak de oarder harren namme ûntliende. De Oarder die krekt yn de lette Midsieuwen har yntree yn de Nederlânnen. Hja ûnderskiede harren fan de measte oare oarders troch har sterk kontemplatieve en yntoverte karakter. It Amsterdamse Kleaster kende harren grutste bloei yn de earste helte fan de 15e ieu, sûnder mis tank sij de geast fan de (* Moderne Devoasje, dy ’t op dat momint oer in protte Nederlânske stêden feardich wie.
De “Vaders” fan dit Kleaster ferhierden op 4- 9-1599 foar in tiid fan 12 jier it Karthuizerhôf oan GERRIJT RIJCKELSMA. De hierpriis wie fl. 400, - en foar it Foarhôf fl. 30, - Wy witte neat oer syn kom ôf, behalve dat hy frijwol altyd Gerard Rekelsma neamd wurd, wylst hysels Gerijt of sels Gerard tekende. Miskien wie hy identyk mei de GERRIT RINCKES út BERLIKUM, dy ’t op 3- 9-1581 poarter waard fan de stêd en wenne yn de Warmoesstraat. Hy wie in ûndernimmend man en hie fan alles by it ein. It hûs hie de namme: Koning David. Der binne in protte akten oer Rykelsma’s saken bewarre bleaun. Hy wurdt dêrby ek in kear as sidelekkenkeaper oantsjutte, mar docht net allinne dêryn, ek yn ûnreplik guod yn de Warmoesstraat. Hy hat in protte ûndernommen. Oant 1616 fine wy him noch yn Amsterdam, mar hy blykt belútsen te wêzen by ferskate ûndernimmings, fier fan it Amsterdamske Karthuizerhôf. Al fan 1605 datearret in kontrakt oer it meitsjen fan wetterputten tusken Meppel en Stienwyk. Syn soan Victor studearre teology, nei alle gedachten yn Dútslân, waard dûmny yn Kralingen en wie fan 1617 - 1620 konrektor yn Haarlim, mar waard ûntslein fanwegen Remonstrantske hâlding. It Karthuizer kleaster hie om 1560 hinne mei noch 14 Amsterdamse partikulieren in BILTRINTE, ofwol obligaasjes op de pacht fan in stik Biltlân. (tsjin in rinte fan 25 $ yn’t jier yngeande 1-4-1559)
( * De Moderne Devoasje wie in tsjerklike fernijingsbeweging, yn gong set troch Geert Grote (1340-1384). Thomas van Kempen (1380-1471) wie letter ek in man fan kwizekwânsje. Beide manlju ynspirearren tûzenen minsken ta fernijing fan it geastlik libben. Lêstneamde is de auteur fan “It neifolgjen fan Kristus.” ((imitatio Christi) De betsjutting fan it “Neifolgjen” kin men pas goed ferstean yn it ûntsteansperspektyf fan de Moderne Devoasje. It geastlik klimaat yn ‘e tsjerke wie bedoarn (siik). De idealen fan de fromme libbensrin fan de geastliken wienen fergetten. Besittings wienen oanloklik foar Biskoppen, Prysters hienen mar in bytsje kennis fan it leauwen, libben yn konkubinaat (focaristen) en ûnder sekuliere Kristenen (kristenen dy ’t gjin geastliken wienen) wie in hang nei byleauwen en sekten. Der wie hannel yn geastlike amten; biskoppen fierden prestiizjeuze projekten út ten koste fan de earmen. Boppedat waard de tsjerke teheistere troch it Skisma fan it Westen (1378-1417), de perioade wêryn ’t der twa Pausen wienen, dy fan Rome en dy fan Avignon. It skeel luts djippe spoaren fan twaspjalt. De bedoeling wie dat de minsken wer probearje moasten om Kristus út te byldzjen. Dus leare om wer yn de geast fan Kristus te libjen. Dêrmei wie de Moderne Devoasje yndie modern: it giet om it PERSOANLIK neifolgjen. De midsieuske Kristen naam allinne mar yn beheinde mjitte ferantwurdlikheid foar syn geastlik libben. It geastlik libben fan sekuliere Kristenen beheinde him allinne mar ta plichtmjittich tsjerkebesyk, tsjerklike plechtichheden, foarmlikheden en it dielnimmen oan de eucharisty. Sa ’t wy dat hjoed de dei ek by in protte tsjerkeminsken sjogge. It “libbet” net mear by har Kristen neamende minsken lykas yn it begjn fan it kristendom. De Geast is derút. Der is in protte “namme-Kristendom.” Kristenen yn namme!
N. B. De Paus is yn it foarste plak de Biskop fan Rome. De basilyk fan Sint Jan fan Lateranen is de katedraal fan Rome: hjir stiet de biskopssit (cathedra) fan ‘e Paus, en net yn de Sint Pieter as in protte minsken tinke.
L. C. 17-6-1958.
(Baron Frederik Georg van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg, die bekend stond als iemand die van de orthodoxie niets moest hebben.)
KERK EN CONFLICT
It boek “Kerk en conflict” skinkt oandacht oan ferskate religieuze konflikten yn Nederlân en West-Jeropa fanút histoarysk en teologysk perspektyf. Fan ‘e midsieuske striid om de triniteit oant de religieuze tsierderijen (skeelen) yn it 19de ieuske Fryske doarp BERLTSUM, oan de hân fan konkrete casestúdzjes smyt dizze bondel mear ljocht op de rol fan konflikten as in belangrike en konstante faktor yn de skiednis fan it Jeropeeske kristendom.
L. C. 26-5-1855.
Vereniging tot uitbreiding der Waarheid in Friesland.
Op 25- 5-1855 opgericht en bestaan hebbende tot 3- 6-1858. De vereniging kon niet concurreren tegen de in 1854 opgerichte “Vrienden der Waarheid” die een gelijksoortig doel had. Eerstgenoemde vereniging had in 5 plaatsen breidscholen opgericht nl. te Kollum, Sint Anna parochie, Menaldum, BERLIKUM en Harlingen.
It Fryske Réveil is 21- 3-1854 oprjochte troch ds. Jan Wouter Felix (yn Heech 1853 - 1860) te Longerhou/Skettens (1848 - 1851) en hat fan grutte betsjutting west foar it RÉVEIL yn Fryslân. Jacob Noordmans fan Allingawier, in freon fan ds. Felix en sels slim libjend yn gestalten en befinings, moat ris tsjin de Berltsumers sein hawwe: “Jimme sitte my fiersten te krap yn de skuon”.
Yn BERLTSUM, MENAAM etc. etc. hat it Réveil ek in grutte ynfloed hân.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 2- 2-1888.
Afdeeling MENALDUMADEEL van de Nederlandsche Protestanten Bond. (N. P. B.)
Godsdienstoefening o. l. v. Ds. D. C. de Haas te Beetgum, op Zondag 5 Februari 1888, ‘s avonds 5 uur, in de Kerk der Doopsgezinden te BERLIKUM. De secretaris: Johs. Timmer.
(De gearkomsten fan de frijsinnigen fûnen yn MENAMERADIEL letter meastal yn lokalen plak of yn de doopsgesinde tsjerke fan BERLTSUM, û. l. f. de liberale dûmnys út de doarpen Bitgum, Marsum, Dronryp, Ingelum en Deinum.)
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Protestanten Bond Afdeeling Menaldumadeel
Godsdienstoefening op Zondag 23 Februari 1890 te BERLIKUM in de Doopsgezinde kerk o. l. v. ds. A. de Jong van Hogebeintum, ‘s-avonds 5 ½ uur. Te Menaldum in de Consistoriekamer der Herv. Kerk o. l. v. ds. H. A. B. Reddingius van Dongjum, ‘s-avonds 6 uur.
EEN HANDBOEK.
Handboek voor Hervormde Predikanten en Kerkeraden, of volledige verzameling van de verordeningen op de inrigting en het bestuur van de Hervormde Kerk in het Koningrijk der Nederlanden. Tweede stuk, bevattende de verordeningen uitgekomen in de jaren 1820, 1821 en 1822; benevens een Bijvoegsel van vroegere stukken, op de Organisatie en Bestuur der Hervormde Kerk betrekking hebbende. Bijeenverzameld en opgemaakt door Gerhard van der Tuuk, Secretaris van het Provinciaal Kerkbestuur van Vriesland, en predikant te BERLIKUM.
ORANJEKLANTEN en PATRIOTTEN.
Yn de rin fan de 18e ieu kaam der in twastriid tusken de Oranjeklanten (ek wol Orangisten neamd, meast lju fan de Herfoarme tsjerke en ek de “cleyne luiden”, dy ’t harren heil fan de Oranjes en de Steedhâlders ferwachten) en de Patriotten. Dit wienen meast amters, grytmannen begoedige boeren en keaplju, faak minsken mei gâns jild en mei frijsinniger ideeën oer de wrâld, de natoer en de godtsjinst. Dizze Patriotten mei harren gedachten, dy ’t meast út Frankryk wei kamen, krigen stadichoan de oerhân. En al hielendal doe ’t yn 1795 de Frânsken fan Napoleon hjir de baas waarden. Hja woenen, beynfloede troch de Frânske ideeën fan de Ferljochting, in mear demokratysk regearsysteem. De Oranjegesinden ha neat mear te fertellen. Oeral waarden “Comité ’s van Waakzaamheid” oprjochte. Dat moast der ek op tasjen dat der (sels) gjin goudsje-blommen mear yn de túntjes ferboud waarden. Der mochten gjin Oranjelieten mear songen wurde. (It “Wij houden van Oranje” soe hjir no ek net mear klinke meie by it fuotbaljen, tink ik sa.) It dragen fan oranjelinten e. d. waard ferbean. De Prinsentún yn Ljouwert moast tenein de Nasjonale tún hjitte. Alles wat oan de eallju titele moast weihakke wurde. Dit is hjir ek yn BERLTSUM bard. Grêfstiennen en betinkstiennen waarden skansearre. Sa ek de tinkstiennen fan de bou fan de tsjerke, destiids (wierskynlik pas sûnt 1785) sittende oan de wjerskanten fan de haadyngong, makke troch de stienhouwers Dirk Embderveld en Jelle Agema.
TULPEMANY.
De tulp is ús nasjonaal symboal by útstek. It begûn yn 1593, doe ‘t Carolus Clusius, de behearder fan de botanyske tún yn Leien, in oantal tulpebollen kado krige út Turkije. Dêr waakse de tulpen yn it wyld, wat lytser en wat minder kleurich dan wy se no kenne. De jierren dêrnei begûn de priis fan de tulpebollen stadiger omheech, foaral doe ‘t er bysûndere kleuren ûntstien gienen, dy ‘t letter sa ‘t blyk, ôfkomstich wienen fan in firus. De prizen rûnen hurder op en doe ‘t yn de jierren tritich gewoane boargers begûnen te spekulearjen op de nije tulperisping ûntwikkele him in grutte hype. Sa waard de pears–wite papagaaitulp Viceroi ris ferkocht foar 3000 gûne per stik. De eufory duorre in jier as trije, dêrnei sakke de merke as in kaartehûs yninoar. In grutte gaos wie it gefolch. De prizen waarden wer hurd normaal, de kleuren bliuwen, en siere no ús túnen. Hjir yn ús omkriten is ek wol besocht om de bolleteelt op gong te bringen mar it is op neat útrûn. Allinne yn ‘e omkriten fan Bitgummole wie wolris in tulpefjild te sjen mar yn BERLTSUM is it, by myn witten, nea slagge.
Yn de 19e ieu kaam it amtsgewaad, de TOGA mei BEF en BRET yn swang.
De Lutherske dûmnys hoalen harren yn 1840 as earsten yn toga, folge troch de Remonstrantske kollega’s yn 1844. Tsien jier letter trêden de Herfoarme dûmnys yn harren fuotspoar. Sa waard de toga op foardracht fan it doetiidske Ministearje fan Godtsjinst it “plechtige unifoarm” fan de dûmny. De toga bliuw foar earst it “liturgysk gewaad” fan Herfoarme en Lutherske dûmnys. Yn ôfskieden kringen moast men dêr neat fan hawwe. De Grifformearde foarman Abraham Kuyper neamde it sels leechtinkend de “Synoadale sopjurk”. Yn “Onze eeredienst” (1911) wiist hy net allinne de toga ôf, mar ek it âlderwetske preekkostúm (steek en koarte broek), dat men yn dy tiid yn ôfskieden kringen nochal tsjin kaam. (En dat yn 1847 ek foar de noadige perikels soarge en ta in tsjerkeskuorring laat hat.) It wienen dus net altyd “lear” ferskillen mar ek “kleer” ferskillen. Moraal fan it ferhaal: Der is nei alle gedachten nea yn de wrâld sa ’n “drokte” west oer de “klean fan de dûmny” as yn ús lân. Net allinne dêr oer. Ek burden, snoarren en prûken binne altyd tankbere ûnderwerpen fan diskusje west. Yn myn jongfeintejierren wie der, sa wit ik noch, in protte te dwaan oer it lange hier fan de jonges. Reaksje fan de jongfeinten wie dan de slachsin: “Beter langharig dan kortzichtig”. Myn heit fertelde my dat der yn BERLTSUM skande sprutsen waard oer de destiids jonge froulju dy ’t foar it earst omrûnen mei koart hier. Froulju hearren lang hier te hawwen en manlju koart hier, sa waard der sein. No is alles mooglik, lang en koart hier, fan swarte oant reade en blauwe kleuren yn it hier. Rûnen de famkes yn myn legere skoaltiid mei in strik of in frissel yn it hier, dat is no ek hast net mear te sjen.
J. G. HACQUEBART - L. P. RUNIA.
Út de NOTULEN fan in yn septimber 1887 hâlde gearkomste fan Tsjerkfâden en Notabelen is it folgjende te lêzen:
Kerkvoogd (Leendert) Runia stelt bij de rondvraag in de vergadering de volgende vraag. Wanneer door deze uitgebroken strijd in de Nederlandsch Hervormde Kerk gelijk te Amsterdam en elders, ook in deze gemeente een deel zich wenscht te houden aan de wettige historische belijdenis der kerk van 1619 (de Drie Formulieren van (on)Enigheid) en een ander deel zich wenscht te houden aan de reglementen der Synodale Organisatie van 1816, hoe hebben dan Kerkvoogden en Notabelen te handelen? Na deze zaak als breder toegelicht te hebben wenscht hij gaarne hier over het gevoelen der vergadering te vernemen. Hierop antwoordde de voorzitter (Jan Gerrit ’s) Hacquebart dat hij zijne gedachten over deze zaak wel wenscht uit te spreken. Zijns insziens hebben Kerkvoogden en Notabelen zich eenvoudig te houden aan het reglement en wie daarnaar niet wenscht te handelen moet bedanken. Hierop zegt Runia dat naar zijn overtuiging de reglementen in strijd zijn met de belijdenis naar den woorde Gods en dat men daarom niet naar de reglementen, maar naar de belijdenis moest handelen zonder te bedanken. Uit de discussie blijkt dat er verschil van overtuiging is over deze zaak, waarom men maar in vrede eindige. Daar niemand iets meer heeft wordt de vergadering gesloten bij monde van den notabel S.(ytze Oege ’s) Koopmans (troud mei Baukje Hendrik ’s de Boer.)
(Fierwei it grutste part miende dat der oan wurke wurde moast om de “sike” tsjerke fan binne út wer sûn te meitsjen. It reformearjend dwaande wêze oan de tsjerke sels is altyd nedich en in (yn dit gefal) brykwoeksene beam kin sa mar net rjochtlútsen wurde, sa waard der sein. Dêr is tiid foar nedich. Leendert Pieter ’s Runia en c. s. mienden dat it flugger koe en it (altyd wer) stiftsjen (ôfskieden) fan in nije tsjerke it reformearjen fan de tsjerke wie. Hja waarden dan ek sjoen as rêstferstoarders en as siedders fan twadracht. It fjochtsjen om it ophelpen fan de Herfoarme tsjerke (en de belidenis) hat dan ek oant 1951 ta duorre. Doe krige de tsjerke (pas) in nije Tsjerke Oarder.) Foar de tsjerkfâd Leendert Pieter ’s Runia is letter Dirk Gysbert ’s Wassenaar yn it plak kommen. Fan de notabelen Klaas Theunis Runia, Dirk Freerk ’s van Dijk, Rinse Tjeerd ’s Peterzon, Jan Dirk ’s Stienstra, Klaas J.(arich ’s) van der Schaaf, Sybren Anne ’s Lautenbach, Marten Keimpe ’s Reitsma, Engele Klazes Kool en Sytze Oege ’s Koopmans binne doe de lêste fjouwer hjir nei de doe saneamde dolearjende tsjerke oergien. Der moasten dus ek wer 4 nije notabelen keazen wurde. BERLTSUM wie no wer yn trijen ferdield! )
OH, dy BERLTSUMERS! (fan doe.)
L.(eendert) P.(ieter ’s) Runia, S.(ytze) O.(ege ’s) Koopmans, S.(imon) D.(irk ’s) Renzema, E.(ngele) K.(lazes) Kool c.s. woenen in brykwoeksene beam direkt wer rjocht lûke en mienden suvere (lanlike) tsjerken stiftsjen te kinnen, frij fan alle smetten en mei tapassing fan tucht. Hja dy ’t de Herfoarme tsjerke trou winsksten te bliuwen seinen: In folmakke tsjerke sil der nea komme. Wy binne meiinoar siik wurden, wy moatte meiioar ek wer sjen sûn te wurden, mar dat hat, krekt as mei in sykte, tiid nedich. (Yn 1951 pas) Dit hat letter ek bliken dien. De iene ôfskieding folge op de oare. Ek hjir blyk “frijsinnigheid” net te kearjen. (sjoch de nei-oarlochse fernijende teologen lykas dr. J. G. Geelkerken, Prof. dr. H.(arry) M. Kuitert, dr. Herman Wiersinga, dr. Cees J. den Heijer, Gerard Theodorus Rothuizen, prof. dr. J.(an) Lever (biolooch.) Boek: Een (gereformeerd) bioloog leest de Bijbel.) en in protte oaren. Kuitert (* syn libbenswurk wie rjochte op it ôfrekkenjen mei de tradysje, it klassike Protestânske erfguod. Yn de Grifformearde tsjerken wurdt no út de H. B. C. hast ek net mear preke. Mar ek yn al en net úterlike saken, lyk as it dragen fan (letter ek wer) in toga, bef en bret, it sjongen fan (earst inkelde) gesangen, fan hiele op hiele en heale noaten, de frou yn it amt, de ôfskaffing fan it censura morem, it sneins twa kear tsjerke hâlden net mear ferplichtsjen, it ôfskaffen fan de Kategismuspreek, it dûnsjen, bioscoop-besyk, sport op snein, fytsen en reizgjen op snein, folgen hja de eardere (yn rommere opfettings) frijsinigen yn de Herfoarme tsjerke nei. No wurdt der sein: “In protte yn it ferline wie gewoante en it moast sa bliuwe. Wy moatte hjoed de dei mei de tiid mei gean, ús oanpasse en it ferline efter ús litte.” It hat dus neat opsmiten en in protte ûnnedich leed yn famyljes, fjochterijen en (ôf)skieding(en) feroarsake, sa is alteast myn konklúzje. Maarten Luther sei yn ien fan syn adagia: “Ecclesia semper reformanda est” ofwol: “de tsjerke moat bliuwend herfoarme wurde” en dat moat nea gean troch it jin mar wer ôfskieden en troch it mar wer oprjochtsjen fan nije tsjerken ûnder it mom fan “de reformaasje” sa ‘t Abraham Kuyper en syn neifolgers it neamden.
(* Yn it Nederlands Dagblad fan 3-1-1968 (fan de Griff. tsjerken art. 31) is te lêzen ........ ......... dat Kuitert sein hat ..... Protestanten zouden moeten terugkeren tot Rome om te kunnen komen om wat hij heeft genoemd: de eenheid van de totale kerk. Als motief voert dr. Kuitert daarbij aan: Rome is de kerk met de oudste rechten. De hoogleraar voegde daar aan toe, dat naar zijn overtuiging het instituut van de Paus niet de grootste hinderpaal zou zijn. Indien het om de Paus zou gaan, zou hij gerust onze baas mogen zijn en dan zouden wij hem (Johannes XXIII.) ook nog wel willen zien als Gods vertegenwoordiger op aarde. Een ontstellende uitlating van een man, die zich blijkens zijn kerkelijk visitekaartje aandient als een nazaat van Calvijn. Dr Harminus Martinus (Harry) Kuitert is de spreekbuis van het Protestantisme, dat vandaag het gezicht gekeerd hebbende naar Rome, bezig is de Reformatie te liquideren. Het sola scriptura der Reformatie wordt vandaag sterk ondermijnd door moderne schriftkritiek. Men wenst niet meer te buigen voor het absoluut schriftgezag.
Sels yn de Frijmakke Grifformearde tsjerken (art. 31) mei sa ‘n 120.000 leden is no wer in striid geande om de tsjerken yn harren eagen suver te hâlden fan dwalings. Sa blyk bgl. de fisy fan in dûmny as Ton de Ruiter oer “de verzoening door voldoening “ yn 2008 net oerien te kommen mei de grifformearde belidenisgeskriften. Hy learre “fersoening troch bekearing (it feroarjen) fan de minske” en hy naam ûntslach as dûmny. De Ruiter hâld no syn A B C-gearkomsten yn Medemblik. (* Oaren út harren fermidden waarden om oare redenen ôfsetten, lykas de dûmny fan Grootegast, dy ’t yn 1986 ôfsetten waard en in part fan syn gemeente meinaam omdat hy it net mei de Frijmakke opfetting iens is dat hja de (ienige) “wiere tsjerke” binne. Dizze gemeente krige in protte tarin fanút it hiele lân. Hjir en der binne der nei de earder út harren fermidden ûntsteane Nederlânsk Grifformearde tsjerken (1966) mei sa’n 33.000 leden en Grifformearde tsjerken yn Nederlan (hersteld) (2003) no ek al wer in pear oare lytsere Frijmakke Grifformearde tsjerken ûntstien. De ferwachting is dat dizze Grifformearde Frijmakke tsjerken (art. 31) mei sa’n 120.000 leden yn 2025 ûnder de 100.000 leden komme te sitten. Ek hjir yn BERLTSUM hat ôfskieding net folle nut hân. It is en bliuwt minskenwurk.
Fuotnoat:
(* Sjoch it boek: Jezus in ons. Een andere kijk op verzoening fan Ton de Ruiter of op syn side www.jezusinons.nl De Grifformearde Frijmakke tsjerken kin men yn sekere sin ek “frijsinnich” neame omdat dêr in protte bibelteksten troch harren dûmnys “fergeastlike” wurde. In protte bibelteksten bgl. dy ’t oer Israël geane wurde op de tsjerke tapast, it saneamde “geastlik Israël”.
GRUTTE FEROARINGS.
Binnen de Frijmakke Grifformearde tsjerken (G.K.V.) hawwe de lêste tiden feroarings plakfûn dy ’t oerienkomsten fertoane mei de feroarings dy ’t tusken 1950 en 1990 plakfûnen yn de Grifformearde tsjerken yn Nederlân, ek wol “de stille revolúsje” neamd. Hjir yn BERLTSUM hat gjin frijmakking (1944) plak fûn. Wierskienlik hat dit hjir net spile omdat men hjir sels tefolle te krijen hie mei de ynwindige swierrichheden dy ’t doe spilen. (dûmny Offers) De measte, fan de no harren saneamde “modern Grifformearden” wienen dejingen dy ’t foar in fúzje wienen mei de Herfoarme tsjerke. Mar in sântal Grifformearde tsjerken (v.G.K.N.) mei sa’n 3000 leden, haadsaaklik yn Fryslân, binne net meigien. Yn ‘e Herfoarme tsjerke wie de “Grifformearde Bûn”, sa ’n 1/3 fan dizze tsjerke, earst net foar in fúzje mei de Grifformearde tsjerken. De measten binne dochs noch oerstaach gien. It hong dêrtroch yn de Herfoarme tsjerke dan ek fan ien stim ôf, oars wie de fúzje net iens trochgien. De groep Herfoarmen (haadsaaklik befynlik Grifformearden) dy ’t net meigien binne yn de fúzje, sa ’n lyts 60.000, kenne wy no ûnder de namme Hersteld Herfoarme tsjerke. (H.H.K.)
De doopsgesinde dûmny Tjeerd Oeds Hylkema (1888-1962) neamde, krekt as Abraham Kuyper de Nederlânske Doopsgesinden oan it begjin fan ‘e 20ste ieu “Verwaterd nakroost van een roemrijk voorgeslacht”. Itselde soe Kuyper no ek sizze, as er noch libje soe, oer in grut part fan it neiteam fan syn eigen neifolgers fan destiids.
DOLEARJENDE BERLTSUMERS fan it earste oere:
Leendert Pieter ’s Runia, Theunis Pieter ’s Runia, Engele Klaas Lieuwes Kool, (sûnt 1872 mr. timmerman op de Piip) Sytse Oege ’s Koopmans, Simon Dirk ’s Renzema, Arjen Bosma, Gysbert Bosma, Ale Bosma, Wybe J. van Dokkumburg, Anne Groenewoud, Ype Sjoerds Groenhout, Gatse Hylkema, Harmen Kooistra, Dirk Willems Lautenbach, Yme W. Lautenbach, Tjipke W. Lautenbach, Sybren S. Lautenbach, Ale Reitsma, Pieter Reitsma, Kornelis Johannes Runia, Sikke (Annes) Werkhoven, Johannes van der Wal, Willem Boomsma, Klaas Gaasterland, Tjeerd S. Lautenbach, Sybren Anne ’s Lautenbach, Sape Jan’s Smits, timmerman yn de Krússtrjitte, Sybe de Vries, Jacobus Wassenaar, Dirk Westra, Berend (Beernt Hendriks)Boersma, Anne Heerkes Hoekstra, Jan Job ’s de Haan, Freerk S. Lautenbach, Freerk Dirk ’s van Dijk, Sybren Willem ’s Lautenbach. Jacobus Sytzes Wassenaar, Feike Annes Vogel, Yde Dirks Zijlstra etc. ...... ......
IEN BERLTSUMER: IN TEOLOOCH.
TWA BERLTSUMERS: IN TSJERKE.
TRIJE BERLTSUMERS: IN TSJERKESKUORREN.
De Herfoarme tsjerke hie hjir yn 1860 in 1790 sielen en nei de doleânsje yn 1890 noch plm 1300 sielen. Der binne hjir dus net folle minsken mei de doleânsje meigien. De Grifformearde tsjerke fan BERLTSUM is pas oanwoeksen nei de komst fan de al eardere ôfskieden Berltsumers, dy ’t yn 1892 fan de ôfskieden tsjerke yn BITGUM oerkamen nei BERLTSUM ta. (* De fúzje fan de dolearjenden yn Bitgum mei de ôfskiedenen dêr op 28- 8-1892 hat laat ta it bouwen fan in nij tsjerkegebou yn Bitgumermolen oan de H. van Aismawei. De lanlike feriening fan dizze beide tsjerken hie hiel wat muoite kostte en in protte saken moasten dêrnei ek noch besprutsen wurde as it tsjerke hâlden op Goed Freed, oer it ten doop hâlden fan bern, moast de heit direkt nei de berte fan it bern allinne dope litte en allinne de doopfragen beantwurdsje of moast de mem ek, safolle as mooglik wie, der ek by wêze, as dit by de ôfskiedenen plak fûn. Oer de oplieding fan de dûmnys etc. ...... ......
Fuotnoat:
(* Bitgum (Kerkebueren) mei doe it gehucht of buorskip Bitgumermolen (Molenbuert neamd) waard as Bitgum oantsjutten. Bitgumermolen is letter pas op 1- 1-1962 in selsstannich doarp wurden en dus no ek mei in “doarps”-tsjerke. De namme Bitgumer molen ferwiist nei de stellingmole dy ‘t dêr stien hat. Sûnder dy mole wie it doarp der fêst net west.
Ds. PIETER van WAKEREN.
De doleânsje hat yn BERLTSUM plak fûn nei oanlieding fan “Amsterdam” en NET nei it al hjir foargeande op tsjerklik gebiet yn BERLTSUM. Dûmny van Wakeren (Griff. Bûn) sei altyd: “Het moest hier in BERLIKUM zo nodig omdat het in Amsterdam ook zo nodig moest”. Hy (as eardere skoalmaster) is de gongmakker west om de beide Kristlike skoallen hjir yn BERLTSUM wer byinoar te krijen. Syn stelling wie, wol men hjir yn BERLTSUM de beide Reformatoaryske tsjerken wer byinoar bringe, begjin dan earst mar ris mei it byinoar bringen fan ‘e beide Kristlike skoallen hjir.
Syn wurden wienen dan ek: “Laten we, VOORDAT we gaan samenspreken over de hereeniging van de kerken hier, eerst maar eens beginnen om de beide scholen weer bijelkaar te krijgen.” En sa is it letter ek bard.
DE WAARHEIDSVRIEND d. d. 1-6-1986.
In memoriam Ds. P. van Wakeren.
Op 8-4-j. l. overleed noch onverwacht ds. P. van Wakeren, em. predikant van de Ned. Herv. Kerk en oud zendingsarbeider van de Gereformeerde Bond. Wij willen hem hier gedenken door iets te vertellen van zijn levensloop en in het bijzonder van zijn arbeid in dienst van de G. Z. B. Hij werd geboren op 18-9-1911 etc. etc. Hij werd onderwijzer en was hoofd van een school te Veenendaal etc. etc. Maar zijn belangstelling strekte zich verder uit dan de school: Hij behaalde de akte godsdienstonderwijzer en zette ook nog een cursus op waarvan velen gebruik maakten etc. etc. Hij vertrok als predikant naar Celebes in het ressort Palopo. Geen aantrekkelijk ressort, want het was in hoofdzaak Islamitisch en dat betekende ook anti-Nederlands. Toen Indonesië onafhankelijk was geworden richtte het verzet zich tegen de Republiek. Het werd onveilig en van Wakeren moest het zendingshuis buiten de stad verlaten, eerst naar de stad Palopa, toen naar het veilige Makale. Maar ook daar, in het hart van Toradjaland, leek het niet vertrouwd. Samen met de meeste andere zendingsarbeiders evacueerde van Wakeren in juni 1950 naar Makassar. Palopo bleef gesloten, terugkeer was niet mogelijk, en zo bleef van Wakeren 4 jaar te Makassar, doende wat zijn hand vond om te doen. De politieke spanningen tussen Nederland en Indonesië, die in die tijd steeds hoger opliepen als gevolg van de kwestie Irian, maakte het hen in Makassar niet gemakkelijk etc. etc. Voor deze begaafde zendingsarbeider met zijn aanleg voor talen en zijn brede belangstelling was de periode in Makassar een moeilijke tijd. In 1954 repatrieeërde hij, met de bedoeling om na verlof terug te keren. Maar door de tijdsomstandigheden kwam het daar niet meer van etc. etc. In Nederland diende hij tot zijn emeritaat de gemeenten van Stad aan ’t Haringvliet, Schalkwijk en BERLIKUM. De laatste jaren van zijn leven bracht hij door in Veenendaal. ( Van Wakeren neamde himsels hjir yn BERLTSUM in “vagebonder” )
Van Wakeren koe ek goed prate mei plenty Berltsumers dy ’t doe ek yn Indonesië as militêr tsjinne hienen. Hja koenen harren mooglike oarlochstrauma’s by him, as sielehoeder, kwyt en diele as hja woenen. Hja wisten wêr ’t hja oer praten. Âld-Ynje-gongers, lykas in Willem Klazes Pranger, in Pieter Ales Bosma en in Klaas Eles Osinga, hawwe ek yn de tsjerkerie sitten. Willem Pranger hat my (W. P.) nei ôfrin fan in húsbesite, ris ferteld, dat hy foar op syn lichem noch in groede sjen litte koe fan in skampskot fan in geweer. Ien seconde letter en hy hie der net mear west.
L. C. 17-12-1887.
BERLIKUM, (classis Leeuwarden) 11 December 1887.
Heden in de voormiddag Godsdienstoefening, toen onze innig beminde en GELIEFDE LEERAAR Ds. Gerhard Nijhuis, zoals gewoonlijk, voor EENE ZEER GROOTE schare toehoorders voor de Gemeente was opgetreden, werd de Gemeente aan het einde van Z. Ews. ernstige en dierbare prediking over Jesaia 64, vs. 1a verrassend verblijd door de onverwachtte mededeling, dat Z. Ew. voornemens was voor de beroeping naar de gemeente Huizen (classis Amsterdam) te bedanken. Die blijdschap werd nog vermeerderd door de mededeling , hoe de Heer in de afgeloopen week opnieuw weer had getoond de beden der Gemeente te willen blijven verhooren in den gunstigen uitslag en verkiezing van 8 leden voor het Kiescollege, een Kerkvoogd en 8 Notabelen, die door de Gemeente werden begeerd en gewenscht. AANDOENLIJK was het oogenblik, toen onder hartontroerende blijdschap en VELE TRANEN den blijvenden Leeraar Ps. 134, vs. 3, door de Gemeente werd toegezongen. Plechtig was daarna de stonde, toen door de Gemeente, OP VERZOEK VAN HUN GELIEFDE LEERAAR, tenslotte PSALM 133, VERS 3, werd aangeheven. Schenke de Heer den Leeraar kracht en steun en bovenal het licht des Heiligen Geestes, kan het zijn, om nog vele jaren met rijken zegen in deze Gemeente te blijven arbeiden in den Wijngaard des Heeren, is de bede en wensch der Gemeente. Namens de Kerkeraad. (L. C. 17-12-1887.) Der wienen minsken dwaande (Leendert Pieters Runia en Engele Kool c. s.) OM WER TWASPJALT yn de tsjerke te befoarderjen. Ds. Nijhuis woe de âlde tsjerke trou bliuwe en de minsken oantrúne om itselde te dwaan. Ds. E. F. Kruyff, (orthodoksirenysk, fan 1868 oant 1873 dûmny yn Hilaard) de eardere foarman fan de Berltsumer “Kruyffianen” wie de Herfoarme tsjerke ek trou bleaun.
OH, DY BERLTSUMERS! (Fan doe.)
(Sjoch ek 52)
UTRECHTS NIEUWSBLAD. 24- 3-1903.
Door R. C.
Op 16- 3-1903 is ds. G. Nijhuis 30 jaar predikant te RENKUM.
Hoewel het verblijf van Z. Ew. in onze gemeente nog kort is, zoo heeft hij toch de liefde en toegenegenheid van allen gewonnen. Daarom besloot de gemeente deze dag niet onopgemerkt voorbij te laten gaan en den GELIEFDE LEERAAR een blijk van haar toegenegenheid te geven. Als stoffelijk blijk van zijn toegenegenheid gaf men hem 3 prachtige gravures en eene cartonnière. De gravures stellen voor Golgotha, de terugkeer van het kruis, de morgen der opstanding. Zondagmorgen trad Z. Ew. op, om te midden van de gemeente den Heere in alles dank en de eere toe te brengen. De groote kerk van Renkum was stampvol. Hij hield een boeiende leerrede n. a. v. Efeze 3 vers 8. ... etc. ... etc. O. a. schetste hij de weg dien de Heere hem geleid had. Achtereenvolgens herdacht Z. Ew. de verschillende gemeenten waar hij werkzaam is geweest, nl. in Goudriaan, Langerak, Bergschehoek, Hoogeveen, Genemuiden, BERLIKUM (t. t. fan de doleânsje) en Veenendaal. Wat uitvoeriger stond hij stil bij zijn tegenwoordige standplaats, waarvan hij openlijk getuigde, dat zij hem, al is zijn verblijf in onze gemeente nog slechts kort, reeds zeer lief geworden was. Als bijzonderheid merkte hij daarbij op, dat Renkum zijn 89e beroep is geweest was. Jarenlang bekleede de geachte jubilaris verscheidene kerkelijke betrekkingen, bv als lid van het Provinciaal Kerkbestuur van Utrecht, secundus lid van de Alg. Synode, lid van den Gereformeerde Zendingsbond (G. Z. B.), assessor van het Tehuis te Kampen. Na het uitspreken van de zegen zong de gemeente haar leraar toe het laatste vers van Ps. 90, terwijl na dankzegging aan de gemeente OP VERZOEK VAN den jubilaris nog PSALM 133 VERS 3 gezongen werd. Met een plechtig amen eindigde dezen indrukwekkende godsdienstoefening. Maandag, de eigenlijke feestdag werd door den jubilaris een druk bezochte receptie gehouden. etc. ....... ........
Ds. Gerhard Nijhuis behearde letter ta it saneamde Grifformearde Bûn yn de Herfoarme tsjerke. Dizze rjochting bestiet no noch yn de P. K. N. mei in eigen sinding, de G. Z. B. en de I. Z. B., mei eigen útjeften en eigen organisaasjes. Dizze Bûn makke destiids sawat 1/3 út fan de Herfoarme tsjerke en wie yn 2003 net sa foar in fúzje mei de Grifformearde tsjerken en de Evangelysk Lútherske tsjerke. It grutste beswier wie wol dat men tsjin de belidenisgeskriften fan de Evangelysk Lútherske tsjerke wie omdat men dêryn in oantasting fan de grûnslag fan de nije te foarmjen tsjerke seach. De Bûn is op it lêste momint dochs noch meigien op in 50 à 60.000 leden nei, dy ’t op 1-5-2004 fierder gien binne as Hersteld Herfoarme tsjerke. (H. H. K.) De Griffor- mearde tsjerken en de Evangelysk Lútherske tsjerke stimden hast anonym foar de fúzje. Yn de Herfoarme tsjerke hong it op 12-12-2003 fan ien stim ôf (fan út it Grifformearde Bûn), oars wie de lanlike fúzje op 1- 5-2004 net trochgien.
In 7- tal Grifformearde tsjerken binne op 1- 5-2004 net meigien yn de P. K. N., wêrfan in 3-tal yn Fryslân, en hjitte no de Fuortsette Grifformearde tsjerken yn Nederlân (v. G. K. N.) oprjochte te Garderen op 8- 5-2004. Dûmny ’s út de P. K. N wurde dêr wol talitten om te preekjen.
Prof. Dr. Willem Hermanus Beckenkamp, heechlearaar yn Brussel sei ris:
“Wij zijn kinderen uit de echtscheiding”
IN PARALELLE SKIEDNIS.
In paralelle skiednis fan it op wei wêzen fia S. O. W. nei in tsjerkefúzje is de skiednis fan bgl.: Flitsen uit de geschiedenis van de Gereformeerde kerk Sliedrecht 1945 - 2002. (op Google)
PLURIFOMITEIT.
Dr. Abraham Kuyper, dy ’t yn 1892 oan de widze stie fan de Grifformearde tsjerken yn Nederlân, wie fan miening dat de Bibel letterlik (* nommen wurde moast. Dat jilde ek foar de earste haadstikken fan it Bibelboek Genesis, dy ’t oer de skepping en de sûndefal geane. Yn in rede, hâlden yn 1881, sei hy mei klam, dat de minske allinne wis yn it libben stean koe by de graasje fan in absolút en net betwivelber gesach fan de Hillige Skrift. Dus net: It Wurd fan God is YN de Skrift te finen, mar DE SKRIFT is Gods Wurd. Nei de kwestje “ds. Geelkerken” oer it sprekken fan de slang (Synoade fan Assen 1926) en de opkomst fan de rommer tinkende Grifformearde teologen is der hiel wat feroare yn de Synodale Grifformearde tsjerken. Foaral teologen as Tj. Baarda, J. L. Koole, C. A. Augustijn en H. M. Kuitert kenden yn harren wurk stapsgewize hieltyd mear gewicht ta oan de bydrage FAN MINSKEN oan it ta stân kommen fan de tekst fan de Bibel. Dêrmei waard de histoaryske krityk *) TALITTEN ta de Grifformearde teology. De tsjerke folge op har bar de NIJE teologyske ynsichten. Der ûntstie in pluriformiteit fan opfettings, binnen de folle rommere grinzen dan yn de Grifformearde teology tefoaren brûklik west wie. Kuitert kaam ta in konklúzje dy ’t Ludwig Feuerbach al om 1840 hinne luts: net God skept de minske nei Syn byld, mar omkeard: de minske skept God nei syn byld. Letter binne de beslúten fan de Synoade fan Assen (1926) dan ek OANPAST. De grutte omslach fûn plak tusken 1950 en 1981. Hûndert jier nei de rede fan dr. Abraham Kuyper, yn 1981, liet de Synoade fan de Grifformearde tsjerken yn Nederlân it rapport “God met ons” ferskine. De tinkbylden fan earder neamde teologen waarden yn feite oannommen. De tekst fan de Bibel wie GJIN GODLIK DIKTAAT, mar in wjerslach fan ÛNDERFININGS fan de bibelskriuwers yn harren relaasje mei God. It gie oer de fraach, WAT foar boadskip de bibelferhalen oerbringe.
(* It loslitten fan de letterlike ynterpretaasje fan it skeppingsferhaal is foar in protte minsken it begjin west fan it ein yn it leauwen yn God op in tradysjonele wize. Dizze ûntwikkeling is foar guon minsken it befêstigjen fan de stelling: as jo it skeppingsferhaal loslitte, belânje jo je op in heljend flak. Úteinliks hâlde jo neat mear oer. Dy opfetting wurdt net befêstige troch bygelyks Augustinus. Die leaude, koart sein, net yn de seis skeppingsdagen as beskriuwing as ferklearring fan it bestean fan alles wat der is. En fan Augustinus kin net sein wurde dat hy syn leauwen kwytrekke is. It lêzen fan de Bibel is altyd ynbêde yn opfettings oer God, minske en wittenskip. De grifformearde teolooch Harry Kuitert hat, yn neifolgjen fan Karl Marx, it leauwen beskreaun as in ferslaving. Mar neffens harsenwittenskipper prof. dr. Herman M. Van Praag, slacht hy hjir falikant de planke mis. Leauwen is ferankere yn de persoanlikheidsstruktuer fan minsken; it is ien fan harren slytfêste bestândielen dy’t altyd bestean bleauwe sil. Yn BERLTSUM waard hjir ek in protte oer diskusjearre op de ferskate ferienings dy’t hjir destiids wienen. Sjoch de notulen fan de ferienings der mar ris op nei.
IN PROTTE IS FEROARE.
Der is in protte feroare yn de Protestânske tsjerke. Der wurde (yn BERLIKUM en op in protte plakken yn Nederlân) no net allinne mear (lykas eartiids) Psalmen songen mar ek in protte oare lieten út ferskate bondels. Froulju kinne no tsjerklike amten beklaaie. De wetslêzing fynt net mear plak. De iepenbiere skuldbelidenis fan in lid of meiinoar bart (hast) net mear. (Trouwens yn de Roomske tsjerke wurdt ek net folle mear oan de biecht dien.) De algemiene skuldferjouwing, útsprutse troch de dûmny, mei it dêrop sjongen fan in liet fan de genede en de tankberens fynt ek net mear plak. It Censura Morum is ôfskaft. De middeistsjerketsjinsten mei de Kategismus preek is ôfskaft. (De Heidelberger Kategismus mei de 52 sneinen mei fraach en andert wurdt ek net mear brûkt by “it fraachlearen”.) De ferkundiging is in oertinking wurden. Gewoanten en tradysjes binne troch in protte lju fan hjoed loslitten. It “hokken” is in (al as net registrearre) “gearwenjen” wurden. It Sneinshilligjen is feroare. (sport op snein, toaniel en bioskoopbesite, dûnsjen, reizgjen op snein, ensafuorthinne, it kin no allegearre. Wêr binne se bleaun, dy “aemechtige Joaden”? (dy Berltsumers fan doe!) In protte bart no net mear fan oan “ús” en “fan de oare” kant. Wy fuotbalje, keatse, gymnastykje, toanielspylje, feeste en muzisearje as doarp no meiinoar. De ferpyldering fan eartiids is (lokkich) ferbleke. Wa hie dat ea tinke kinnen. No de beide skoallen noch! De saneamde “brede skoalle” sit der oan te kommen en moat foar it nije skoaljier yn 2013 oplevere wurde. De wrâld feroaret en wy mei harren.
OH, DY BERLTSUMERS! (fan no.)
--------------------
*) Fuotnoat:
Begjin de 20ste ieu wie bgl. de boarnenteorie en de boarnensplitsing yn folle ûtwikkeling. Doedestiids wie men yn de Grifformearde tsjerken fûl kante tsjin dizze moderne teoriën fan de histoarysk-krityske sjenswize en hong men noch de organyske ynspiraasje en de skriftbûne skriftútliz (eksegeze) oan. Letter is dat ek yn dizze tsjerken feroare. In protte fan harren neame har no mei in moai wurd: “modern grifformeard”.
De learing út it al mar wer ôfskieden.
Út it NEDERLANDS DAGBLAD. d. d. 17-10-2006.
(De LÊSTE konfesjonele *) Professor dr. Klaas RUNIA (1926 - 2006) overleden.
Confessioneel in plurale (Gereformeerde) kerk. (Hy wie de soan fan de âld-BERLTSUMER Douwe Theunis (Pieter ’s) Runia, en besibbe oan Leendert Pieter ’s Runia, de soan fan Pieter Theunis Runia en Trijntje Leendert ’s van den Akker, ien fan de foarmannen fan de BERLTSUMER doleânsje.)
KAMPEN – Runia stond bekend als confessioneel omdat hij stelling nam tegen opvattingen van spraakmakende, vrijzinnige theologen als Wiersinga, Kuitert, Den Heijer en Ter Linden. Zo vond hij het onbegrijpelijk, dat zijn collega Den Heijer kon aanblijven omdat het bestuur van de universiteit zijn opvattingen binnen de grenzen van het toelaatbare achtte. In 2000 adviseerde hij Den Heijer af te treden omdat hij volgens Runia afscheid had genomen van de Gereformeerde wereld. Runia was blij dat 30 jaar eerder de Gereformeerde Synode de alternatieve verzoeningsleer van Wiersinga afwees. Tegelijk werd dr. H. Wiersinga niet afgezet. “Dat is een spanning die in de kerk eigenlijk niet kan”, zei Runia in een intervieuw. “Ik zit niet te pleiten: je moet mensen links en rechts afzetten. Wel, dat je de grenzen moet bewaken. De Synode heeft die consequenties niet aangedurfd, niet aangekund of misschien wel niet aangewild”.
Hij tekende hierbij aan: “Ik heb het gevoel dat de Synode niet meer kan doen, bang als men was, DAT ER WEER ZO EEN ELLENDIGE BREUK zou komen als in 1944. Hij heeft zich verbaasd over de snelheid waarmee de verschuivingen zich in zijn kerkverband voltrokken. “Geen Gereformeerde zou het vroeger in zijn hoofd gehaald hebben om te ontkennen dat Jezus de enige Zoon van God was. Nu wordt dit in tal van publicaties openlijk betwijfeld”, zei hij in 1996 in Trouw. In zijn boek: Wegen en doolwegen in de nieuwere theologie (1993) stelde Runia, dat wie de klassieke christologie afwijst, uiteindelijk de Bijbel zelf moet herschrijven. Tegelijk erkende hij, dat niemand met de klassieke leeruitspraken van de vroeg-christelijke kerk op zak het geheim van Jezus Christus in de vingers heeft. Ondanks zijn kritiek vindt hij, dat de confessionelen in de Gereformeerde kerk (Synodaal) MOETEN BLIJVEN, zei hij in een intervieuw in het Nederlands Dagblad. Mij wordt in mijn kerk niets in de weg gelegd; ik hoef niets te doen, dat tegen mijn geweten in gaat, waardoor ik moet zeggen: Hier sta ik en ik kan niet anders: IK MOET ER UIT.
(Sa tochten in protte BERLTSUMER konfesjonelen û. l. f. L. P. Runia, E. Kool, S. D. Renzema NET yn 1887 t. t. f. Dûmny G. Nijhuis). OH, DY BERLTSUMERS! (fan doe.) De breuk hat 123 jier bestien en in soad ellinde feroarsake foar in protte minsken yn it doarp, famyljes waarden útinoar skuord en rûnen inoar foarby en wat hat it oplevere? Prof. Runia siet mei ds. Ate Rienstra, ds. Cor v. d. Velde e. o. yn de letter yn de Griff. tsjerke oprjochtte feriening “Confessioneel Gereformeerd Beraad (C. G. B.) de gelikens oan de yn 1864 oprjochte “Confessionele Vereniging” yn de Herfoarme tsjerke. Beide wienen oprjochtte om de Synoade(n) oan te sprekken op de plicht te warjen wat it beliden tsjinsprekt. ( Google: prof. dr. Gerard Dekker, godsdienst socioloog.)
Fuotnoat:
*) Sa stie it yn de Ljouwerter Krante. Dizze subtiele wurden waarden yn it Frysk Deiblêd net brûkt. In bekende útspraak oer de moderne teology fan him wie: “Se helje der hieltiten in laach ôf. Op it lêst is der gjin sipel mear oer”. Op it gebiet fan Sport op Snein is lêstneamde krante wol tige subtiel te wurk gien. Earst waard it wurd Snein net neamd as men sa stadichoan ek ferslach die fan de Sport op Snein. Letter waard de Snein wol neamd en joech men ta, koart sein, dat it no ek net oars koe en doch ferslach fan de Sneinsport. De sneinen binne no foar in protte tsjerkelju yn de measte stêden en doarpen “hjeldagen” wurden. Allinne yn “de Bible Belt”, dy ‘t geografysk sjoen sawat rint fan Walcheren oant Staphorst, is men hjoed de dei noch “fan it âlde stimpel”.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE IDEALE TSJERKE.
In BERLTSUMER koe it yn gjin inkelde tsjerke of kring fine.
In âlde kennis frege ris oan him, by welke tsjerke hy him no oanslúten hie.
“Ik ha einliks de wiere tsjerke fûn” krige de man as antwurd.
“Allinne myn frou en ik”, ......................
”Mar oer myn frou bin ik net hielendal seker”
Konklúzje:
De ideale tsjerke bestiet allinne as ideaal, net yn de werklikheid.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE VERLICHTING
“Laat je niet bevoogden door traditie, gewoonte, een Bijbel of een Kerk. Gebruik alleen het gezon de verstand. En de beste aller werelden zal spoedig tot stand komen”.
Dat was de uiterst optimistische leus van de “Verlichting”, de stroming die in de 18e eeuw beslag legde op de harten van duizenden. (DE mens was zo slecht nog niet , vandaar ook de latere grote progroms in Rusland?, de beide Wereldoorlogen?, de Armeense- en de Jodenvernietigingen?, het volgen van de massa’s fan Stalin?, Hitler?, Mussolini? Meer welvaart en een goede opleiding zou ook betere mensen moeten scheppen en de gevangenissen zouden dan wel kunnen sluiten, en zo kan ik nog wel een hele tijd doorgaan.) Die visie hield niet minder in dan een absolute breuk met wat de Bijbel (het Woord van God) zegt, al werd dat niet hardop gezegd. Niet de Bijbel, maar het menselijk verstand, bij voorkeur de REDE genoemd, vormde het compas waarop een mens zou moeten varen voor tijdelijk en eeuwig leven. Alles wat met de REDE niet kon worden verklaard – ook de Bijbel – moest terzijde worden gelegd. Het is hooguit een uitleg van achterlijkheid, bijgeloof en vooroordeel. Wie zich liet leiden door het licht van zijn eigen ONBEDORVEN - rede gaat vanzelf de DEUGD betrachten - en wordt daarmee een DEUGDZAAM mens, die in het hiernamaals door God zal worden beloond. Deze volstrekt onschriftuurlijke gedachtengangen gingen tussen 1750 en 1800 grote delen van de Nederlands Hervormde Kerk beheersen. “Verlicht” denken was de grote mode bij de hogere standen en gezeten burgerij (de Liberalen), waaruit het overgrote deel van de Kerkvoogden en Kerkeraden werd geboren. Steeds meer predikanten gaven hun gemeenten stenen voor brood, omdat zij de “goede mens” preekten, die REDELIJK handelt volgens een “NATUURLIJKE” ofwel “REDELIJKE RELIGIE”. Tallozen vluchten in noodonderkomens en gezelsschappen omdat zij in de officiele kerk geen antwoord ontvingen op hun vragen over zonde en schuld, voldoening en verzoening. Na 1800 leek de overwinning van de Verlichting in de kerk volkomen te zijn. In 1807 werden de (verplichte) Evangelische Gezangen ingevoerd, die de gemeente op verlichte wijze lieten zingen van Opperwezen, deugd en onsterfelijkheid. In 1816 werd door de regering bij K.B. aan de kerk een Algemeen Reglement opgelegd, waarin alles organisatorisch heel redelijk is opgezet met de Synode als het topbestuur van een vereniging. Van de vrijheid van de plaatselijke gemeenten als openbaring van het lichaam van Christus bleef niets over. Tenslotte zette de Hervormde Kerk in datzelfde jaar de deur open voor vrijheid van leer door het aanvaarden van een dubbelzinnig te lezen eedsformulier voor a. s. predikanten. In feite had de kerk met deze ontwikkeling in leer en tucht, in lied en kerkorde – wezenlijke punten – de leer van de Hervorming verlaten. Reacties bleven niet uit. Zo ontstond het REVEIL van Da Costa c. s. De Afscheiding van 1834 en meerdere afscheidingen. De kerk van de Doleantie is later ook meer een redelijke religie gaan volgen. Men noemde zich nu bij voorkeur “modern Gereformeerd.” Het zijn vooral de modern (vrijzinnig) Gereformeerden geweest die zich later weer met de Hervormde Kerk wilden verenigen.
L. C. 4-6-2004.
Afscheid Van Fryslân Met Preek Op Terp Hegebeintum.
Op een steenworp afstand van zijn geboortehuis neemt ds. Willem D. Buursma zondag in Hogebeintum voor zijn gevoel afscheid van de Provincie die hij in 1929 verruilde voor de Verenigde Staten ............... .................
Hij preekt er in de kerk op de terp in het Fries. Zijn wieg stond in Hogebeintum. Hij ging met zijn ouders mee naar Amerika ........... ........... Zijn Gereformeerde ouders (* sloten zich aan bij de Christian Reformed Church met Nederlandse wortels tot in 1857 etc. ......... ......... Zijn stevig- Calvinistische Chr. Ref. Church was niet meegegaan in de nieuwe Nederlandse verzamelkerk P. K. N. denkt hij. Deze kerk verloor nog niet eens zo lang geleden 30.000 leden door toelating van de vrouw in het ambt. “Minsken by ús kinne net begripe dat de Grifformearden (hjir) frijsinniger wurden binne as de frijsinnige Herfoarmen” ........ ........ Sinds zijn bezoek tijdens SIMMER 2000, toen Buursma in BERLIKUM preekte, vindt hij de Nederlanders ONTEVREDENER geworden. “Der is IN OARE GEAST hjir. En dat mei safolle frije dagen” ....... ........
Hy hat hjir doe ek preke yn de Grifformearde (krús)tsjerke fan BERLTSUM ....... ........
Sa mar de miening fan twa dûmnys út de troch ds. W. D. Buursma neamde “nieuwe Nederlandse verzamelkerk” P. K. N.: ”Onze visie op de heilige schrift ........ ......... wij nemen afstand van wat ze de heilige huisjes vinden, de misverstanden over de Bijbel die nog steeds in stand worden gehouden, niet in de eerste plaats door de kerk zelf. Bijvoorbeeld het historisch opvatten van Bijbelverhalen en het verkondigen van bepaalde dogma’s. ......... ......... ......... In het N. T. gaat het bijvoorbeeld niet om de historische Jezus, maar de verhalen OVER hem laten ons wat zien. Daarmee wordt niet ontkend dat er een historische Jezus zou zijn geweest. Alleen in het evangelie gaat het OVER Jezus – Jeschoua – Jozua: Hij die bevrijdt. Je moet een poging wagen om heel onbevangen en objectief de verhalen te lezen en je af te vragen: WAT staat er en WAT kunnen we ermee?” “Genesis is geen geschiedenisboek van hoe de aarde is gemaakt. Het is een compositie, als een muziekstuk. Het vertelt ons niet WAT het was, maar WAAR het naartoe gaat”. Beide dûmnys beskôgje harren net as ortodoks, mar seker ek net as frijsinnich. etc. ...... ...... frijzinnigheid gaat uit van de behoefte van de MENS. Het stelt de mens en niet God centraal. Maar ook de orthodoxie heeft antropocentrische kenmerken: het gaat erom hoe IK het heil van God kan verkrijgen. Wij gaan uit van een DERDE optie. En dat is dat iets van de “andere kant”, van GOD dus, naar ons toe komt”. Frans Breukelman leerde ons de Bijbel op te vatten ALS LITTE-RAIRE tekst.
(F. D. Sneinspetiele d. d. 28- 1-2012.)
Foto: Bill Buursma
(* Fuotnoat:
Buursma is berne te Hegebeintum op 16-8-1925 en wie 4 jier doe ’t syn âlden Meinte Wiebes Buursma en Martha Buursma – de Graaf yn 1929 mei de bern nei de Feriene Steaten ferhúzen. Hy kaam sawat om de twa jier nei Fryslân en preke dan fakentiden yn Ferwerd yn it Frysk.
F. D. juny 1985.
“SAMEN WEG” uit BERLIKUM.
BERLIKUM. - Zo langzamerhand ontstaat er een “ernstig’ tekort aan predikanten in BERLIKUM. De Gereformeerde predikant ds. P. van Dijk vertrekt 30 juni (naar Nijkerk), afgelopen zondag nam ds. Chr. S. Verwoert afscheid. Zeven vruchtbare jaren van samenwerking werden afgesloten. “Het was een SAMEN–OP-WEG gemeente, nu is het een “Samen-weg–gemeente”, aldus ds. P. van Dijk bij het afscheid van zijn Hervormde collega. Het Samen–op-weg karakter kwam onder meer naar voren uit de combi-vergaderingen van de beide kerkeraden en uit de gezamenlijke middagdiensten in het zomerseizoen. Afgelopen zondag nam ds. (Chr. S.) Verwoert afscheid, omdat hij predikant wordt in Raamsdonk. Hij sprak over Psalm 1, 6 en 150, 6 in zijn afscheidsdienst. De scriba D.(irk Ulbe ‘s) van Dijk bedankte de predikant tijdens de dienst.
(Op 19- 9-2010 wurdt de fúzje-akte tekene yn de Krústsjerke en wurdt de S. O. W. tegearre– ûnderweis–gemeente/tsjerke fia de “P. K. N. in wording”, de Protestantske Gemeente fan BERLTSUM yn de P. K. N. )
Sjoch ek film: Ôfskie Ds. Verwoert.
DS. PIETER BOOMSMA.
Âld synoadefoarsitter ds. Pieter Boomsma fan de eardere Grifformearde tsjerken skriuw yn it “Historisch Tijdschrift GIN” ein 2012. De vorming van de Protestantse Kerk in Nederland heeft de Gereformeerde Kerken inhoudelijk goed gedaan. De Gereformeerde Kerken leken in het laatst van de vorige eeuw meer en meer op drift te raken. “Naar mijn idee wreekte zich, in een veranderende tijd, het verlies van veel gestructureerd denken door de Vrijmaking. Daarbij lijkt het of het in de loop van de tijd heeft ontbroken aan inhoudelijke, geestelijke integratie van Afscheiding (1834) en Doleantie (1886). Voor bevindelijkheid bestond huiver bij velen en het rationele van de Doleantie leek niet sterk genoeg voor het toenemende kritische Verlichtings-denken. Het systeem wankelde, en bij menigeen leidde dat tot het wankelen van de geloofsovertuiging. Ik heb de indruk dat dit proces van groeiende onzekerheid in ieder geval deels is afgeremd door de fusie. Met diversiteit van geloven binnen een kerkverband had de Nederlandse Hervormde Kerk veel ervaring. Op de een of andere manier had men daar geleerd om belijdende kerk te blijven ondanks alle verschillen. Verschillen werden geaccepteerd binnen (ruimere) grenzen. Veel Gereformeerden hadden daarentegen meer een houding van ‘zoals ik het zie is het juist, en zo moet het’. Dit gaf wrijving en kostte veel energie. Energie die beter had kunnen worden besteed aan gemeenteopbouw, geloofsopbouw en missionair en diaconaal werk. Maar zolang men strijdt over spelregels, komt men aan het spelen niet toe.”
IT BEGJIN FAN “TEGEARRE OP WEI”
Oan alle Herfoarme en Grifformearde tsjerklike gemeenten waard yn 1984, nei in Synodaal gearkommen fan beide tsjerken, troch beide Synoaden oan harren gemeenten en tsjerken tastimming frege om úteinliks ta in fusearjen te kommen. Fan ‘e Herfoarme gemeenten reagearre 60 prosint posityf, 30 prosint negatyf, wilens 10 prosint allinne dêrta reewillich is om ûnder bepaalde betinksten dêrmei yn te stimmen. Fan ‘e Grifformearde tsjerken reagearre 83 prosint wêrfan 88 prosint posityf. In harren mienskiplike gearkomste fan 1986 nimme de Herfoarme- en Grifformearde Synoaden dêrop it folgjende beslút: De Nederlânsk Herfoarme tsjerke en de Grifformearde tsjerken ferklearje “harren te befinen yn steat fan it wer byinoar bringen”.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 7-10-1948.
L. C. 21-2-1980.
Te weinig aandacht voor kernwapens binnen kerk.
........ ....... dat voor sommige christenen een angst voor het communistme en het daaraan volgens hen verbonden verlies van de geestelijke vrijheid levensgroot is, bleek uit de opmerking van ds. Sipke Verwoert uit BERLIKUM, die zei, nog liever voor een atoom oorlog te kiezen, dan voor een Russisch totalitair machtssysteem. Een uitspraak die hem zowel van ds. Langeveld, gereformeerd luchtmachtpredikant te Leeuwarden, als van ds. H. K. Stauttener uit Huizum kritiek opleverde. De eerste zei niet te begrijpen hoe iemand tot een dergelijke mening kon komen. “Weet u wel waarvoor u kiest? Kiezen voor atomair geweld is kiezen voor 230 miljoen doden in enkele dagen. Door kernwapens af te wijzen kies je niet alleen voor jezelf, maar ook voor anderen”, aldus ds. Coen Langeveld. De vergadering etc. ...... .......
Hoe ’t ds. Chr. S. Verwoert tocht oer it machtslykwicht tusken East en West mei behelp fan kearnwapens en syn útspraak op de Klassikale gearkomst yn de Kurios tsjerke yn Ljouwert, dat by need kearnwapens brûkt wurde kinne, joech ek nochal wat reaksjes en ynstjoerde stikken yn de kranten. De sneins dêrop, as it my noch goed heucht, stienen der guon minsken mei spandoeken foar de Koepeltsjerke te demonstrearjen tsjin it pleatsen fan noch mear atoom-bommen. Boargemaster Sytse Faber (A. R. ) soe wol sizze: “Der binne mear atoombommen as doelen”. Ien ding is seker, de wapenwedrin tusken East en West hat de Russen “de das om dien” of op syn Frysk sein: hat de Russen in fikse knoei jûn. De wedrin koe toch de Russyske steat net mear betelle wurde en hat úteinliks laat ta ûnderhanneljen en ta it wapenferminderjen fan beide kanten.
(Ds. Verwoert tocht dus ek hiel oars as de eardere Minniste dûmny fan BERLTSUM prof. dr. H. B. Kossen en in protte oaren. Sjoch de L. C. fan 10-12-1985. In Menno’s Geest.)
L. C. 10-5-1984.
KERKERAAD van BERLIKUM tegen Synode uitspraak.
BERLIKUM – De kerkeraad van de Hervormde gemeente van BERLIKUM heeft in een brief aan de Synode afstand genomen van de recente uitspraak tegen de plaatsing van kruisraketten. De kerkeraad vindt dat de Synode zich op de weg van de practische politiek heeft begeven. Als dat al had moeten gebeuren, wat de kerkeraad bestrijdt, dan had er tenminste een grondige analyse van de politieke en strategische situatie aan de Synode uitspraak ten grondslag moeten liggen.
“U vergeet te overwegen wat er zou kunnen gebeuren als door eenzijdige dé-nuclearisearring Rusland de kans zou grijpen om het Westen te gaan overheersen. Zou het dan nog mogelijk zijn om “het leven naar Gods beloften en geboden in te richten”?
De kerkeraad van BERLIKUM is er slecht over te spreken, dat de Synode in haar brief over de kruisraketten aan regering en parlement de stemverhouding ter Synode achterwege laat. Daarmee wordt dit deel van de kerk dat zich tegen de uitspraak verzet monddood gemaakt.
Tenslotte maakt de kerkeraad ook bezwaren tegen de aanbeveling van de Synode om deel te nemen aan aan de aktieweek tegen de kruisraketten. Hij vindt het pijnlijk, dat de Synode geen bezwaar heeft gemaakt tegen de gekozen datum, waarin bezetting en bevrijding van Nederland in de Tweede Wereldoorlog worden herdacht. “Moet er dan juist in die dagen een aktie gevoerd worden die erop gericht is om de defensieve kracht van het Westen te verzwakken”! Kan er nu geen demonie de kop opsteken, waartegen we dan weerloos zullen zijn? Wij ervaren deze aktie in die week als een belediging van alle slachtoffers uit de jaren “40-45 en als een belediging van God, die wij dankten voor de vrede en de vrijheid, waarvan wij nog mogen genieten”, aldus de kerkeraad van BERLIKUM.
De Nederlânske befolking (de polityk) wie tige ferdield oer it pleatsen fan de krúsraketten. Der waard sein: “Wat is better: In krúsraket yn de eftertún of Russen yn ús kokens?” Guon minsken wienen tige bang foar de Sovjet-Uny en woenen ús ferdigenje mei kearnwapens. De grutste demonstraasje ea yn Nederlân holden waard yn 1983 holden. Sa ’n 550.000 demonstranten tôgen nei Den Haag ta. Hjir yn BERLTSUM wienen de mienings ek tige ferdield. De bewapeningswedrin tusken East en West hat de Russyske ekonomy tige knoeid en it kommunisme blyk ynerlik úthold, de Sovjet-Uny foel útinoar. Dêrnei kaam de polityk fan iepenheid (de Glasnost) en perestroika (it herfoarmjen) fan Sovjetlieder Michaël Gorbatsjov en dernei it ta inoar kommen tusken de N.A.V.O en it Pact fan Warschau. It ferminderjen fan kearnwapens tusken beide blokken folge dêrop. Men woe ta in lykwicht komme.
L. C. 19-1-1981
Geen lafheid.
Geen eenzijdige ontwapening. Ik ben verontrust alleen al over de uitspraak van Lenin in 1920, dat het streven is de totale wereldoverheersing door het Communisme. Nederland let op uw zaak. etc. ....... ........
BERLIKUM
G.(erben) (Klazes) van den Berg.
L. C. 5-1-1959.
VRAAGTEKENS BIJ VERHOUDING van Gereformeerde kerken tot andere kerken.
Het is deze weken in de kerkelijke pers de tijd van terugblikken en jaaroverzichten. In de “Friesche Kerkbode” (gereformeerd) geeft ds. C.(ornelis) van der Woude (de skoanheit fan de BERLTSUMER jirpelhanneler Andele Andeles Boomsma, (* troud mei Maria Alida (Mieke) van der Woude fan de Hôfsleane húsnûmer 58) een overzicht van het leven in de Gereformeerde kerken in Nederland in 1958. In de eerste plaats was deze het van kracht worden van de nieuwe Kerkorde. “Pijnlijk was en is nog steeds onze verhouding tot sommige andere kerken”, zo gaat hij verder. Het reeds zo vaak herhaalde verzoek tot samenspreking met de “Vrijgemaakte kerken”, (K. O. art. 31) wat door de laatsten IN SCHERPE BEWOORDINGEN is afgewezen. De verhouding tot de Christelijk gereformeerde kerken blijft broederlijk, MAAR OP AFSTAND. Met de Nederlands Hervormde Kerk gevoelen we ZOWEL EENHEID als DISTANTIE. Bij de een overweegt men het eerder en heeft bij de ander meer een afstandsgevoel, MAAR DE HERENIGING MET DEZE KERK LIGT NOG NIET IN HET VERSCHIET. We staan voor het te betreuren feit, dat de gereformeerde gezindte gespleten is en voorlopig nog wel zal blijven etc. ....... ...... Van de Wereldraad (van Kerken) houden onze kerken zich nog steeds afzijdig. etc ......... ..........
Hjir yn BERLTSUM wie doe yn 1958 ek net folle ûnderling kontakt. Wol wie der in Oecumenyske kommisje besteande út tsjerkeriedsleden fan de trije tsjerken. It hat noch MEAR AS 50 JIER (!) duorre foar ’t de beide tsjerken hjir fúsearre binne. De oansetters hjirta wienen Keimpe Botes Algra (Grifformeard) en de Herfoarme dûmny Christiaan Verwoerd. Oanlieding dêrta wie foaral de sykte fan de (op 10-1-1940 te Scharendijke berne) Grifformearde dûmny Piet van Dijk. Hy wie oerspand en hie hearswierrichheden dy ’t it him ek net maklik makken om syn wurk te dwaan. Letter waard hieltyd mear gearwurke en der kaam in S.(amen) O.(p) W.(eg) kommisje dy ’t ‘uteinliks nei in gearfoegjen fan beide tsjerken tawurkje moast.
(* Fuotnoat:
Andele Andeles Boomsma wie ek foarsitter fan de boukommisje fan de hjir op woansdei 23 novimber 1966 yn gebrûk nommen Grifformearde tsjerke, no P. K. N. tsjerke mei de namme “Krústjerke.” Dûmny Harmen Klaas Poelman hold de earste preek yn it nije tsjerkegebou. Hy is letter yn Kamperlân nei de Grifformearde tsjerke Frijmakke (art. 31) oerstapt omdat hy him net mear thús fielde yn dizze tsjerke fanwege de opkommende frijsinnichheid dêr en letter mear bekend wurden ûnder de namme “Modern Grifformeard”.
Sûnt novimber 2005 hâlde de tsjintwurdige saneamde Protestânske en de Doopsgesinde gemeenten fan BERLTSUM hjir no eltse tredde snein fan ‘e moanne om bar in oecumenyske tsjerketsjinst yn ien fan ‘e trije tsjerkegebouwen ûnder de namme: “ Het andere uur”.
L. C. 20-9-2010.
(Foto: Ds. J.G. v.d.Boogaard-Bongers en Ds. A.J. Bouwknegt )
BERLIKUM. - Het was zondag feest in de kersverse PROTESTANTSE GEMEENTE van BERLTSUM. Tijdens een speciale dienst in een volle Kruiskerk werd de FUSIE-akte getekend van de Hervormde gemeente en de Gereformeerde kerk, waardoor de fusie gemeente nu echt een feit is. (De beide predikanten J. G. van den Boogaard - Bongers en A. J. Bouwknegt hielden beide een gezamenlijke preek met als thema “Verbinding” waarbij twee stukken hout over elkaar werden gelegd in de vorm van een kruis.) De festiviteiten gingen verder in een feesttent bij de kerk nog uren door: met een springkussen voor de kinderen, oud Hollandse spelletjes, een luch en een mini consert door de muziekverenigingen de Bazuin en Klimop. (Er reed een treintje tussen beide kerken voor de mensen die slecht ter been waren. Een tentoonstelling (van creatieve gemeenteleden) was ingericht in de Koepelkerk met als thema “Verbinding”. In het Centrum waren oude archief stukken, oude foto ’s, foto ’s van oud-predikanten (voor zover aanwezig) in te zien en te bezichtigen. Er werd een videofilm vertoont enz.) Later op de middag werd de dag feestelijk afgesloten met een vesper in de Koepelkerk.
(De “midden ortodoksen” yn de Herfoarme tsjerke en de (sûnt 1975 saneamde) “modern Grifformearden” wienen yn haadsaak de motor efter de tsjerkefúzje ta de P. K. N.)
L. C. 22-4-1967.
Kleine Gereformeerde kerken moeten komen tot streekgemeenten.
Bijvoorbeeld de combinatie Sint Jacobiparochie, BERLIKUM en Beetgum (2150 zielen)
L. C. 27-10-1984.
Hervormde gemeenten in ring Stiens staan voor belangrijke beslissingen.
De toekomst van achttien kerkdorpen. De vier grootste gemeenten die zelfstandig kunnen blijven in volgorde van grootte zijn: Menaldum, Stiens, BERLIKUM en Sint Anna Parochie.
(Combinatie Sint Jacobi Parochie –WIER)
Op 22-4-1891.
DISKUSJE oer kêst 35 fan it Tsjerklik reglemint.
Somliken miene, dat alle persoanen, dy ’t in fêste tsjinst by de tsjerke hawwe, oant de stove setter en paadwjûder ta, tsjerklike beâmten binne, en dus troch de tsjerkfâden en notabelen beneamd wurde moatte. Oaren wolle ha, dat der ûnderskie makke wurdt tusken beämten en betsjinners, en woe der op út, dat men in stovesetter net ta de beämten rekkenje kin.
TSJERKLIKE BEAMTEN.
Yn 1862 bgl. wienen in Folkert Gabes Werkhoven (deagraver) en Jan Veldstra de kloklieders, Gabe Werkhoven de tsjerklik doarwaarder, Gerrit van Wigcheren de regeler fan it oerwurk en lampoanstekker, niisneamde Jan Veldstra wie ek pûstertraper by it oargel. Fierders wie der in paadwjûder, in stovesetter, de oppasser yn de Buorfinne, teffens twadde doarwaarder, in tsjerkeskjinmakker en gean sa mar troch. Master Romke van Reenen, it haad fan ‘e iepenbiere skoalle, troud mei Grietje Jans Visser, hie ek in protte tsjerklike funksjes. Der is dus in ferskil tusken tsjerklike amtdragers en tsjerklike beamten.
Yn 1902 wie: Master Jan Groenewold, it haad fan ‘e iepenbiere skoalle, oargelist en de bewarder fan it grêfregister. Master Siebe Heinsma, it haad fan ‘e (Herfoarme) C.V.O. skoalle, wie foarlêzer en koster. Andries Jans de Haan en Klaas Meinderts de Haan wienen beide de doarwachter, Jan Thijses van der Leij de pûstertraper by it oargel, kloklieder en regelder fan it oerwurk. Pieter B. Postma de lampenist. Widdo Meile Zijlstra de wjûdzster fan it tsjerkepaad. Wieger Bouwes van Dijk de skjinmakker en ljochtoanstekker fan ‘e lampen en de fjoeroanlizzer yn de kategisearkeamer, allegearre tsjin in jierlikse fergoeding troch de tsjerkfâden útbetelle.
Boppe by it oargel stiet no noch in grutte izeren pin wêrop in kears stean koe, sadat de oargelist de te spyljen noaten lêze koe. De bobeche, de droppelfanger dy ’t der foar soarge dat der gjin kearsfet op it hout en nei ûnderen falle koe, sit der net mear oan. Dizze bobeches , faak fan glês, sieten ek wol oan de húsoargels en piano’s en soargen dat der gjin kearsfet op de koperen kandlers (ljochters) fan it oargel kamen en tsjinnen dan ek wol as fersiering.
L. C. 19-3-1887.
LUTHER voor den Rijksdag te Worms.
Zij die nog in het bezit wenschen te komen van den Christelijke Scheurkalender “De Waarheidsvriend” onder hoofdredactie van ds. Gerhard Nijhuis, predikant te BERLIKUM, zende een postwissel groot fl. 1,50 waar op staat Waarheidsvriend, en ontvangt franco. etc. ..... ......
W. M. Heijl, Boekhandelaar te Utrecht.
L. C. 21-10-1891.
In de gisteren in de zaal van mej. de Wed. van der Wielen, (de lettere “Sealen Schaaf ”op de Nije Buorren yn Ljouwert) o. l. v. de heeren dr. Ph. J. HOEDEMAKER, van Amsterdam, en ds. Dijkstra van Hilversum, gehouden, druk bezochte vergadering is met volkomen eenstemmigheid uitgesproken de wenschelijkheid van de oprichting van eenen Provinciale afdeeling van de CONFESSIONEELE VEREENIGING. Nagenoeg alle aanwezigen traden tot de vereeniging toe. In afwachting van de oprichting van plaatselijke afdeelingen, om tot een Provinciale afdeeling te komen, werd een voorlopig bestuur benoemd, bestaande uit de heeren ds. J. L. Tichelaar, van BERLIKUM, ds. Eringa, van Engwierum, en ds. Koopmans, van Garijp etc. ....... .......
L. C. 13-7-1933.
Ds. Th. Kramer (de Herfoarme dûmny) te BERLIKUM sprak op de landdag te Oranjewoud op de Brink, naast het buitengoed “Oranjewoud” van het Friesch Verband vanwege de Landelijke organisatie de Bijzondere Vrijwillige Landstorm (B. V. L.). Hij behandelde het onderwerp: “De B. V. L. en het geweten”. Hij zette uiteen hoe het geweten de stem van ons binnenste is, de stem van God. Door de zonde zijn andere stemmen in ons geweten gaan meespreken en daardoor is het geweten vaak niet meer in overeenstemming met dingen die van God zijn. Ons geweten moet op Gods gaven afgestemd zijn, zoals een horloge moet worden geregeld naar de zon. etc. ..... ..... Op voor Vorstin en Vaderland en het geweten.
L. C. 14-10-1938.
KERK en SCHOOL, benoemingen enz.
Bij Kon. Besluit is aan ds. Th. Kramer, (Hervormd) predikant te BERLIKUM, op zijn verzoek, eervol ontslag verleend uit zijn functie van reserve-veldpredikant voor de tijd van oorlog bij het leger te velde.
Op 12 Desimber 1939 waard hy wer beneamd yn deselde funksje. (L. C. 21-12-1939.)
Dit sil wol te krijen hân hawwe mei de mobilisaasje fan de Nederlânske militêren yn augustus fan dat jier.
--------------------------------------
L. C. 5-5-1973.
Als je geen consequenties trekt wordt het geloof navelstaren en droogkoken.
Ds. Dirk Papma uit Wolvega naar Werelddiakonnaat.
Met het vertrek naar het Werelddiakonaat komt er voorlopig een einde aan de predikants loopbaan – hij houdt alleen de bevoegdheid van emearitus predikant - van ds. Papma, die tien jaar geleden begon in BERLIKUM en 4 jaar geleden in Wolvega werd voortgezet. Hij is nu 42 jaar oud en afkomstig van Ferwerd. Hij studeerde aanvankelijk in Leiden, maar ging later over naar Utrecht. Waarom hij tijdens de theologiestudie van universiteit veranderde kan hij niet in een paar woorden uitleggen. Hij wilde zijn blik wat verruimen. In het vrijzinnige Leiden; als jongen uit een goed orthodox huis kwam hij teveel op de tocht te staan. “Maar ik heb hele fijne herinneringen aan die tijd hoor?” zegt hij. Na zijn studie werd Dirk Papma niet meteen predikant. Hij trad in dienst van de C. B. T. B. (de Chr. Boeren- en Tuinders Bond) om in de N. W. -Veluwe mee te werken aan een streek verbeterings project. “Ik wilde wat meer de sociale ethiek in, als een betere voorbereiding op het predikantsschap”, zegt hij.
N. B. De teologyske oplieding yn LEIEN bestiet no net mear. De Feriening fan Frijsinnich Protestanten (V. V. P.) hawwe hjoed de dei noch in bysûnder heechlearaar oan de Grinzer universiteit. (R. U. G.) t. w. Rick Benjamins. (1964).
(foto: dûmny Dirk Papma.)
L. C. 26-10-1974.
Dûmny Romke Bijl oer de BERLTSUMERS:
Ik ha yn sân gemeenten tsjinne. Fan al dy gemeenten kin ik spesifike ferhalen fertelle. Alle respekt en goede freonen. Mar yn BERLTSUM, by de túnders op harren stikje bou, dêr koe ik de dingen troch prate. As ik ris in preek hâlden hie, dy ’t net al to djip gie, dan wie it earste hwat ik yn ’e konsistoarje hearde, soksahwat as: ” Dûmny hat it fan ’e moarn mar wer goedkeap fortsjinne!” Yn de Feankoloanje ’s moast men ienfâldige evangelisearjende preekjes hâlde. Yn Haarlim wie ik in oaljeman mei it spuitsje om alles draeijende te hâlden. etc. .......... ............
L. C. 29-5-1999.
Kerkenpad in BERLIKUM en omgeving.
(foto: tsjerke fan Bitgum.)
Yn 1985 is op 24 en 31 augustus troch de N. C. R. V.-t. v. hjir in “Kerkenpad” route organisearre. De folgjende Herfoarme tsjerken hawwe hjir oan meidien: Bitgum, BERLTSUM, Sint Anne en Stiens. Der binne doe foarhinne t. v. opnames makke en yn de wike dêrfoar útstjoerd om in lytse ympresje te jaan. Der kamen dy beide sneonen yn totaal sa ’n 10.000 (!) minsken op ôf. Yn it Herfoarmd Sintrum koe men sop en broadsjes krije, kofje en koeke. Ûnder de besikers wienen ek oargelisten wêrûnder de jonge oargelist Bert Elbertsen. Hy wist de tsjerke fol besikers ûnder de yndruk te krijen troch syn jubeljend oargelspyljen. Der waard fan herte meisongen en krige tusken de lieten troch hieltyd wer in grut applaus oanbean. Hy is hjir letter in pear kear yn BERLTSUM werom west om oargelkonserten te jaan. In protte besikers, en dat wienen der hiel wat, woenen tsjerke-stimpels ôfprintsje litte yn harren stimpel samling. Yn de Buorren wienen kreamkes delset foar de ferkeap fan Berltsumer produkten wêrûnder muzykopnames op cassettes fan de Bazuin.
Sjoch ek it filmke mei de de útstjoering van Kerkenpad
L. C. 23-8-2008.
KOEPELKERK van BERLIKUM.
Grêf fan Peter Stuyvesant syn mem
BERLIKUM. - Een van de kerken die tijdens Tsjerkepaad 2008 de deuren open stellen, is de Koepelkerk van BERLIKUM. Het markante bedehuis is relatief jong, het werd in 1779 ingewijd als vervanging van de oude Kruiskerk die zo was vervallen, dat restauratie onmogelijk bleek. Van de oude kerk zijn onder meer de (vier, te weten een grote en drie kleinere) grafkelders bewaard gebleven, die overigens niet zijn te bezichtigen. Eén kleine kelder ligt naast de grote kelder in het koor (beide nu gelegen onder de hoofdingang van de kerk), één onder het orgel en één in het schip van de eerdere kerk. Ook resteerden oude grafzerken, onder andere van de laatste rustplaats van de moeder van Peter Stuyvesant. De Koepelkerk heeft een mooie besneden preekstoel en (twee) fraaie herenbanken.
(De fersiering op de preekstoel is makke troch de houtsnijer Joh. Georg Hempel. It gewoane houtwurk is levere troch in Tomas Hendriks. It grutte klankboerd boppe de preekstoel is bekroane mei in grutte sierfaas. De Hearebanken hawwe in oerkaaping dy ’t rêst op Doaryske pylders en foar de haadbank in soarte fan foarbank mei sierfazen. Besjoch ris de maiskolven, de druven en de klimmende fox, mar ek de blynkappe Moarekop is it besjen wurdich.)
Tijdens Tsjerkepaad, dat tot 13 september duurt zijn de deelnemende kerken op zaterdag middagen geopend.
L. C. 26-11-1952.
Gedurende het laatste half jaar werd er in de classis Leeuwarden van de Ned. Hervormde Kerk aan bijdragen voor de zending aan een bedrag van fl. 15.805,61 geofferd. Volgens het afrekenstaatje werden de hoogste bedragen opgebracht door de gemeenten Leeuwarden, Menaldum, Huizum, Oostermeer/Eestrum, BERLIKUM, Marrum en Garijp. Terwijl plaatsen als Beetgum, Grouw, Drachtster Compagnie, Eernewoude, Hempens/Teerns, Weidum/Beers enz. helemaal onderaan de lijst stonden.
BERLTSUMER HOUNEN.
Bynammen.
Net allinne persoanen hienen somtiden bynammen, ek de steds- en doarpsbewenners krigen fakentiden bynammen. (skel– of flaainammen) Bynammen kinne sawol in postitive as in negative konnaasje hawwe. Is de namme negatyf, dat wurdt dit in spotnamme neamd wat al gau in skelnamme wurdt, is de namme posityf, dan kin it sels in flaainamme wurde. Yn rou-advertinsjes komt men, tusken haakjes, bynammen ek wolris ûnder de offisjele namme tsjin.
Harnser (ouwe seunen) bgl. waarden Tobbedounsers neamd. By it útspielen fan de ferve jern fan it “Harnser bûnt” waard troch de Harnsers mei bleate fuotten op de ynhâld yn de tobben omdounse oant it wetter helder waard, dat it jern net mear ôfjoech. De Wergeasters waarden brêgebidlers neamd om it brêgejild. It doarpshûs dêr hjit dan ek “De Bidler”. Fan in protte by nammen fan plakken is net altyd mear bekend hoe ’t dy ûntstien binne. Menamer bearen, Minnertsgeaster keallepoaten, Dronrypster oksen, Boalserter oaljekoeken, Dokkumer grenaeten of gernalen, Warkumer brijbekken, Starumer ribbekliuwers, Drylster keapmankes, Hylper tjeunken of kilen, Hallumer koekefretters, Frjentsjerter klokkedieven, Ljouwerter speknekken of galgelappers, Snitser dúmkefretters, Arumer moudekrûpers, Oerterper oanbreide hoasen, Earnewâlder luzeknippers, Makkumer miigen (magen, sibben) Hearrefeanster poehanen (oerdwealsken, droktemakkers), Holwerter roekefretters, Ternaarder bargestrûpers, Marrumer gibben (fjilddowen) en gean sa mar troch. It ferhaal fan de Tsjommer lyntsjesniders en de Boarnster tuorkemjitters is by de measte minsken wol bekend. Rinsumageastmer hûnewippers. Leonser hûnen en Baarder katten. (Baard hat in byldsje fan in kat). Wurdumer tuorkefretters. Marsumer strontbiezems. Rypster sleeptoffels, oksen. Bitgumer roeken. Boksumer kneppelders. Ingelumer spekswurden. Deinumer koalen. Wergeaster brêgewippers. Wurdumer wynhûnen. Wiuwerter Labadisten. Wommelser breakrommels. Ljouwerte galgelapers, Sint Annebuorster raapkoppen.
Hoe ’t de Berltsumers oan de by namme “Hounen” kommen binne, binne ferskate teltsjes yn omrin. Der wurdt wol ris sein, dat it laam yn it Berltsumer (tsjerke)wapen foar in hûn oansjoen wurden is. (sjoch ek 40) De meast foar de hân lizzende is, tinkt my, dat wy de namme oan de opsteande wynhûnen út it wapen fan de Hemmema ’s te tankjen hawwe. Net allinne is “ús hûntsje” bekend, mar ek ”it Berltsumer spek” (de Berltsumer brune sipels) en de “Berltsumer winter” (winterwoartel(sied) is tige bekend. Ik hâld hjir oer op, oars wurdt it in ferhaal “sa lang as BERLTSUM”.
As de Wierster “katten” op de fiets nei BERLTSUM geane, is dit meastentiids oer de Kamp, it Kampsterbregje en de Brouwerssteeg. Dit paad tusken de Wiersterdyk en de Buorren wurdt troch de Berltsumers dan ek wol “de Katteloop” neamd. Sil dêr yn WIER ek nochris in “poeske” op in sokkel komme? Efkes de Friesland Bank leaf oan sjen.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Wat is it ferskil tusken in Berltsumer hûn en in Wierster Kat?
In Berltsumer hûn tinkt: dizze minsken jouwe my te iten, ûntflieë my, jouwe my in koer en aaie my. IT MOATTE WOL “GOADEN” WÊZE.
In Wierster kat tinkt: dizze minsken jouwe my te iten, ûntflieë my, jouwe my in koer en aaie my. IK MOAT WOL IN “GOD” WÊZE.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Ek in protte Berltsumers hienen bynammen. (hjir GJIN skelnammen dus!)
It wie fakentiden sa, dat der op in doarp (of stêd) in protte minsken wennen mei deselde foar- en efternamme. By de bank en oare ynstellings waard der skriftlik wolris by set fan sr. en jr. (de âldere en jongere, as it in pake en in nei him ferneamde pakesizzer oangie) Om se útinoar te hâlden waard der meastal in bynamme oan ta heake. Sa wienen der yn BERLTSUM bgl. wol 3 Boates Algra mei eigenskiplike nammen oantsjutten as lytse en grutte, 4 Jannen Wassenaar, 5 Theunissen Runia en gean samar troch. Samar in pear by nammen: Popke Par, Klaas Appeltsje (K. E. L.), Lammert Mol, Jacob Koekoek, Durk Krante, Bauke Kwante (hy koe de r. net sizze.), Lammert Toal (hy koe de k. net sizze), Ele Kramtried (hy wie reumatysk), Durk Lape of Lapke (hy hie in lapewinkel) Hy waard ek wol neamd “de dûmny fan Peins” (omdat hy dêr wol preke.) Dôve Durk, Bline Harm, Harm Snoek, Kâlde Piter (hy koe it by tiden smout opsizze), Ale Protter (hy gie as postboade op de fyts al fluitsjende it doarp troch), Wieger, de sjongende banaan (hy gie al sjongende mei de grientekarre troch it doarp), Jantsje Petroalje, Simen Lúsjefers, Annegie Baarch, (hja wie net al te skjin), Aukje, it sûkerwyfke (swietmûlkje), Roel de Nachtmelker, Theunis Skuonkletser, Lytse Hinke (myn oerbeppe Hendrikje Santhuizen), Lytse Symke, Lytse Durk, Lytse en grutte Sybren fan Klimop, Jan Kats, Syn beide soannen “de Katsmannen”, Siem “Pak ’em - hâld’ em - krij’ em”, Yep fan de Piip, Lies Muoiguod, Haye Bjinder (hy ferkocht bjinders, biezems e. d.), Hearke Stopnudle (hy wie nochal meager), Cobe Dull (hja wurke by Mr. Johan Hendrik Dull, kantonrjochter te BERLTSUM fan 25- 5-1891 oant 7- 4-1911), Durk Bliksem (dit wurd wie syn stopwurd), Marten Stoker (hy wie stoker op it fabryk), Pyt Japs (soan fan Japke), De Dakhazze, Zwaan (hy hie in lange hals), Fokke Patat, (hy hie hjir sûnt 1958 in snackbar), Bauke Blomkoal, Hendrik Steamtsjettel, (hy hie as jonkje û. o. ûnder syn boartersguod in “grutte” steammasiene.) Bertus N. A. K., (kontroleur fan de Nederlandske jirpel (Aardappel) Keuring), Taeke Môg, Durk Joad, (Hy wie in echte keapman /sakeman). Jan Spar (Sparwinkel), (Annie gehaktbal, (kafetaria). Lieuwkje Kroket, (kafetaria). Sytske Bûterbonsje, Gryt Pakje tee, Willem Strontsje (syn heit wie “tonneur”), ek wol Gromsnor neamd, Mindert Skyt, (hy wie “tonneur”). “Mijnheer” Don (sûnt 1931de direkteur /boekhâlder fan de feiling), Ôns Dirk, (Syn mem hie it altyd oer “ôns Dirk”) “Mevrouw Geeft niet” (Hja joech net oan kollekten, sa sei it tsjinstfamke altyd as immen oan de doar kaam.), Ate Futtel, Klaas mei it hântsje, Louw Poepnak, Janke ien ear, Auke Pûde, Goasse Pûde, Hylke Snor, Tsjeard Knibbel, Ebbing Poat, Mink Swetser, Bline Sjoerd, Grouwe Dooitse, Dooitse Scheveningen en syn soan Jan Bok. Tsjip Oarandus, Jan Steamfiets, Jan Gewear, Slappe Sytse, Tsjeard Jut (soan fan Jurjen), Grutte Jo (Jurjen), Durk M. van der L., Lou Poepnak, Grutte Boate, Lytse Boate, Boate PH3 (stikume radiostjoerder), Gerrit Griender, Heerke Skoffel, De Kevers, (hja dienen hannel yn bestridingsmiddels). Ymre Fjouwerfuotter, (hy rûn ris stomdronken mei hannen en fuotten op de Wiersterdyk en krige de namme “Berlikumer viervoeter” fan de Ljouwerter rjochter yn drank- saken), Waling Snotbongel, (it wurd “snotbongel” lei him tsjinoer de jongerein foarop yn de mûle.) Drs. “P”. (mysels), De Reitsma ’s (Johannes, Tjeerd en Jan mei harren suster “skouwe” Jantsje) fan de Wiersterdyk, de “Oastmannen” neamd, (harren heit Pieter Tjeerds Reitsma (berne yn 1860) op 10-8-1899 troud mei Rinske Johannes Peterzon (berne yn 1873) hie yn East-Ynje sitten, dit fanwegen de Atjeh oarloch?), Ele flearmûske, Pieter kwêk, de majesteit fan Berltsum, (sa neamd yn in rjochtsaak), Minne Glûpert, Tsjeard laad, Syp kont, Symen Lucifer en sa koenen jo wol trochgean. Yn rou-advertinsjes sjogge wy ek wolris dat troch de famylje, tusken heakjes, de bynamme fan de ferstoarne fermeld wurdt om oan te jaan om hokfoar persoan it no krekt giet.
(By skelnammen wurdt immen eat tawinske, fakentiden mei ien of meardere sykten (kankerlijer) mar ek neamd nei beroppen (hoer, hoerejong), befolkingsgroepen (Drint), skamdielen (kloatsek, lul, kutwiif), nasjonalteiten (Mof, Turk), diersoarten (hûn, serpint) yntelliginsje (imbeciel, domkop) of gewicht (bonkerak) etc. ....... )
It doarp BERLTSUM hat as folks bynamme: “De Ljouwerter griente– en fruchtentún.” Folks- bynammen foar strjitten wienen hjir yn BERLTSUM bgl. foar de yn de jierren 50 boude húzen oan de Túnboustrjitte “de Hongerbuert” dit fanwegen de doedestiids hege húshieren. De beide streken yn de Buorren, “de Mûzenstêd” fanwegen de tichte bewenning fan de streken.
Noch in moai ferhaaltsje (oer bynammen) út de Ljouwerter krante fan 9 desimber 2009, side 14 oer myn oerbeppe Boatsje fan Poppenwier, mar ek de oerbeppe fan Janneke Kuperus no gearwenjend mei Alfred Hoekstra, de eigeneresse fan berne opfang “Okidoki” oan de Mulseleane op húsnûmer 13 en dus de beppe fan har heit Johannes Sybren ’s Kuperus en fan har omke Dirk Sybren ’s Kuperus, respektivelik wenjende yn de Bûterhoeke húsnûmer 12 en de Molestrjitte húsnûmer 4 hjir yn BERLTSUM.
POPPENWIER.
Wat oars.
Bonne Stienstra.
Er is een Binnenbuorren, een Bûtenbuorren, een Skoallesteech, een Fiskersstreek. Vroeger lag het aan zee. Nu is het het mooiste dorp van de Lege Geaën, vindt iedereen. Anna de Jong woont al meer dan 60 jaar in het huis waarin ze is groot gebracht. Maaike Punter – Nicolaï kwam in de oorlogs jaren met haar ouders in het dorp wonen. Ze is tachtig. De twee hebben bij elk huis wel een verhaal. ......... Over vroegere bewoners, over hun BIJ NAMEN, over hun bezigheden. Vroeger had het dorp 350 inwoners. Nu nog maar 185. Hjir wenne “âlde Pytsje”, zegt Maaike Punter. En hjir “dove Feikje”, zegt Anna de Jong. “Berend by nacht” had je en ”âlde Oege”. Ach bijnamen werden vaker gebruikt dan achternamen. “Beppe Boatsje”, zeggen ze. Nog zo ‘n bijnaam? Nee, Bootje was haar echte naam. Beppe Bootje (Koopmans, widdo fan Johannes Fokma) woonde in een steeg en zag uit op de blinde muren van huizen en de Doopsgezinde kerk. Toen ze de mogelijkheid had te verhuizen naar het huis vóór haar, met veel meer uitzicht en licht, weigerde ze. “Ik sit hjir goed”, zei beppe Boatsje. De Doopsgezinde kerk staat wat achteraf, zoals schuilkerken vroeger moesten staan. Niet prominent in beeld, vooral geen toren. ............ Nei har ferneamde beppesizzers yn BERLTSUM wienen:
Boatsje Watse ’s Posthumus, letter troud mei Jan Sense Fokkema.
Boatsje Wybe ’s van Dokkumburg, letter troud mei Jan Tinga en
Boatsje Sybren ’s Kuperus letter troud mei Sije Andriesz. de Haan.
Beppe Boatsje
In nicht fan beppe Bootje (berne op 21- 2-1872 as dochter fan de ferver/glêzensetter Gooitzen Gerrits Koopmans en Jeltje van ‘t Zet) wie Bootje Visser en hja wenne ek yn BERLTSUM. Hja wie berne te Jirnsum op 13-10-1869 as dochter fan Dirk Gerben ’s Visser en Akke Gerrit ’s Koopmans, de lettere sûnt 14-5-1873 kastlein fan “Het Metalen Kruis” yn de Buorren nû. 60 te BERLTSUM. (no winkeltsje “De âlde tiid”) De namme de “Vissersteech” is noch in oantinken oan Dirk Gerben ’s Visser. Syn dochter Klaaske Dirks Visser hat oant 1910 de herberch fuortset. Myn beppe is op 7-12-1909 letter by Klaske ynkommen te wenjen om te harren te helpen by it húshâldlik wurk en hat doe sa hjir yn BERLTSUM kunde oan myn pake krigen. Hja binne op 29-12-1910 troud. Harren jongere susters Klaske en Janke Fokma, dy ’t har hjir dêrnei ek wolris yn BERLTSUM sjen lieten, binne letter troud mei Wiebe Jan ‘s van Dokkumburg en Sybren Marten ‘s Kuperus.
De âld Berltsumer skoalmaster fan de iepenbiere skoalle, Arend Douma, dy ‘t my oantrúnt hat om de Berltsumer skiednis en âlde ferhalen oer BERLTSUM fêst te lizzen, wennet no ek yn Poppenwier. (Poppingawier) mei ek al in bynamme? De Earn of de Muonts bgl.?
Yn 1811-1812 hawwe sa ’n 28.000 ynwenners fan Fryslân in skaeinamme oannommen of har namme fêstlein. Dat docht bliken út de nammeregisters dy ’t fan ‘e measte gemeenten bewarre bleaun binne, gauris yn twafâld. Spitegernôch misse dy listen der praktysk foar Ljouwert, Húzum, IT BILT, en de eilannen. Guon nammen waarden betiden nuver stavere, benammen Frânske en Latynske nammen. Korvinus waard ta Korfwinus, Travaille: Trawalje, Toussaint: Dusein, De Jardin: Dusardijn en bygelyks myn Latynske sibbenamme Posthumus: as Postemus, Postmus, Pasma etc. De Biltkse Lautenbachs waarden Lautenbags.
In protte Nederlanners hawwe fan harren by-namme de efter-namme makke. Tink mar oan: Hafniks (haw neat) sa hjitte Maaike, de frou fan Dirk Fokke ‘s Kuperus, fan efternamme. Bult, Bril, Scheele, Boekenoogen, Appelhôf, Appel, Peereboom, Jongeneel, Ouweneel, Vroegindewei, de Grijs, de Witte, Donker, (de) Zwart, (siet yn de brânjehannel), de Kleine, de Groot, Kool, Visser (iel of seefisker), de Lange, de Korte, Vis, De Kwaa(d)steniet, Snoek, Hetebrei, de Koe, Kuiken, Vogel, Zondergeld, Zonderland etc. etc. Der wienen ek minsken dy ’t der de gek mei hienen om in ferplichte efternamme oan te nimmen. Fandêr ek in protte frjemde efternammen. Oaren wer hienen de gekheid mei de dûbele (aadlike) en bytiden lange efternammen en neamden harren Van Beijeren Bergen en Henegouwen. Mar lange gekke efternammen lykas “Van Struyckel tot Tippelaere” of “Jecanme de Contlique” bin ik noch nea tsjinkommen.
En wa hat noch nea heard fan de alhiel âlde bynammen lykas fan in: Karel de Greate, Karel de Keale, Karel de Stoute (moedige), Jan zonder Vrees, Jan zonder Genade, Philips de Skjinne, Loadewijk de Fromme, Loadewijk de Stammerjende, Karel de Ienfâdige, Willem de Swijer, Frederik Hindrik de Stêdenbetwinger, Skearne Wybe, (hy hie gjin burd). Mar no ek wer “de Izeren Lady” (premier Margaret Thatcher fan Ingelân.) etc. ...... ......
Floris II. fan Hollân (berne om 1081 hinne te Vlaardingen (Z. H.) en stoarn op 2-3-1121) is de earste Fryske Greve dy ’t him net langer “Greve fan Fryslân” neamde mar Greve fan Hollân. (Florentius comes de Holland) Dizze greve wie sels bekend mei twa bynammen as “de dikke” en “de fette”.
De lettere namme Hollân kin komme fan it Germaanske wurd Hulta (bosk) en lande (lân) of fan hol (leechlizzend) lân of fan de flek (in flecke is in grut doarp) lizzende tusken Útert en de Leienske Ryn dat Hollân hjitte, fan hol (leechlizzend, peazich, sompich) lân.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
NAMMEN.
In man (in Poalsk/Dútske man hjir yn BERLTSUM yn de kassen wurkjende)
komt by it gemeentehûs oan de Dyksterbuorren 16 yn Menaam omdat hy syn namme feroarje litte wol.
De amtner: “Wat is jo namme? “
De man: “Ktazenblûmerwagenschwitzhûndplatzdembomb, menear.”
De amtner: “Ik kin my foarstelle dat jo jo namme feroarje litte wolle. Hoe wolle jo hjir tenei hjitte, menear? “
De man wer: “Alexandrewitsj Tsarevitchewana.”
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 29-8-1981.
Lustige Bildtkers in BERLIKUM.
Op ‘en paed mei Waling-Om. (Omke Waling Dijkstra.)
Waling-Om verklaart de scheldnaam voor de Berlikumers in één adem met een bloedig gevecht tussen inwoners van dit dorp en “eenige lustige snaken van Sint Annaparochie”. Waling was evenals de “lustige snaken” eveneens afkomstig van Het Bildt. Wellicht kan hieruit verklaard worden dat de Bildtkers er in de anecdote echt aardiger en onschuldiger uitkomen dan de Berlikumers.
De anecdote:
Te BERLIKUM zijn naar men zegt, vroeger twee huizen geweest met in den voorgevel een steentje, waarop een figuur uitgehouwen, veel gelijkende naar een hond zittende in een schotel op pan. Naar aanleiding hiervan ontvingen de Berlikumers de naam van ‘hondenvreters’. Eenige lustige snaken van Sint Annaparochie bezochten de kermis in BERLIKUM. Zij wandelden tegen den avond het dorp op en neer, droge visch etende, toen een hunner naar één der genoemde gevelstenen een vischvel wierp onder den uitroep: “Daar hond, heb jij ook wat!” Dit werd door dien Berlikumers gehoord en later in de herberg besproken. Toen ontstond een bloedig gevecht, waarbij de schimpers het onderspit delfden.
Terugblikkend op het incident, kan beter gesteld worden, dat waar twee kijven, twee schuld hebben. Beter dan te vechten is in elk geval een wandeling rond de woonplaats van de “Berltsumer hûnen” te maken. We beginnen op de Tichelersdyk bij de etc. ......... ............
HEPKEMA’s KRANT 3-5-1905
Hondenvleesch in Duitschland.
In enkele streken van Duitschland wordt vrij veel hondenvleesch gegeten. In het laatste kwartaal van het vorige jaar is in Duitschland het vleesch van 1762 honden ter keuring aan de openbare slachtplaatsen aangeboden.
L. C. 21-10-1949.
DINSDAG trouwden: FENNO SCHOUWSTRA en JELLY EFDÉE
Leeuwarden, Ruijsdaelstraat 35 October 1949.
(Dit is Fenno fan t “Kleine Krantsje”.)
‘t KLEINE KRANTSJE. (In Ljouwerter blêdsje)
BARTELE BULTSJE, in lêstich man.
Yn it boek: Rare saken in Friesland, skreaun troch de redakteur-útjouwer fan it KLEINE KRANTSJE Fenno Schouwstra, komt in ferhaal foar oer in figuer dy ’t earder yn Ljouwert tige bekend west hat, hoewol ’t hy der net wenne, dat wie Bartele Faber alias Bartele “Bultsje”, dy ’t de measte minsken fan syn tiid dan ek allinne as Bartle Bultsje kend hawwe. Foar de lêzers fan ’t Kleine Krantsje skriuwe wy syn nuveraardich libbensferhaal graach oer út it boek.
Wie hy de goedheid selve op de nochteren mage, nei it nuttigjen fan in pear boarreltsjes koe hy op slach feroarje yn in nidige spin, in redeleaze rûzjesyker, dy ’t gewoan heibel makke om de lytste lytsichheden. Dêrby dearde it him neat, wa ’t hy tafallich foar him hie. Mei alle fernoegen misledige Bartele Bultsje eltsenien.
Fan Bartele’s jonge jierren is net folle bekend bleaun, mar der lizze dan ek al een 100 jier efter oan. Wol witte de Berltsumers noch te fertellen fan in pynlik foarfal, wêrby’t de klerk fan de notaris belútsen wie. Op in skimerjûntyd waard dy ûnferhoeds troch Bartle ’s heit by it skouder pakt. “Thúskomme, direkt!” hjitte de âlde Faber bartsk. Mar doe blyk, dat Jan Faber de ferkearde grepen hie – krekt as Bartele hie de notarisklerk ek in bult etc. ........ ........
Hy hie net folle kontakt mei de famylje. Syn soan (* Jan hat him ienris opsocht yn Ritsumasyl omdat hy de hântekening fan syn heit nedich hie fanwegen dy syn foarnommen houlik. Fol grutskens waard syn soan doe oan syn omjouwing foarsteld. Fan syn dochter hat hy nea wer wat heard. Letter by syn begraffenis oan de foet fan ‘e Deinumer tsjerke, kamen dochs noch twa famyljeleden opdagen. Net syn bern, mar syn âldste broer Lammert en syn soan Jan. “Hy hat as in houn libbe en hy is as in houn begroeven” fertelde Lammert Faber letter yn BERLTSUM.
Fuotnoat:
(* Jan Bartele ’s Faber berne op 9-10-1906 – letter wenjende en stoarn op 12-10-1982 te Rys (gem. Gaasterlân - Sleat) wie op 22- 2-1931 te Starum troud mei Martje Albertsma, berne op 26-3-1908 en stoarn te Boalsert op 25-12-1996. Hja krigen 6 bern t. w. Pietertje Sjoukje, berne op 6-1 -1932 en stoarn te Amsterdam 29- 3-2006. Jantine, berne op 5- 8-1933. Rinze Thijs, berne op 14-2-1935. Thijs Jan, berne op 9- 2-1937. Sjoukje Freerkje, berne op 20- 1-1942 en Adriana Anna Caty, berne op 1- 1-1946. Lêstneamde is mei har op 16-12-1968 troude man Egbert Wijbenga yn 1981 nei Australië emigrearre.)
‘t KLEINE KRANTSJE.
BARTELE BULTSJE (ek wo neamd Lytse Bartle.) út ‘t Kleine Krantsje d. d. 20- 3-1976. fan Fenno Schoustra.
(Foto: Bartele Bult)
(In Ljouwerter blêdsje oer Ljouwerter âldheden.)
Fokke van der Meer, soan fan in echte Berltsumer snikfrachtfarder, dochs abonnee op it krantsje, reagearre op in stikje skreaun oer Bartele Bult fan BERLTSUM, troch de hear Spijkerman fan Bartlehiem. It gie oer bysûndere boatsjeminsken dy ’t oan de Sneekertrekweg leinen, minsken dy ’t hy wol kend hie.
Fokke van der Meer hjir oer:
Bartle Faber waard yn BERLTSUM berne op 4- 2-1869 as twadde soan fan Jan Lammert’s Faber en Janke Bartele ’s Liemburg. Syn âldste broer wie Lammert en syn jongste broer hjitte Albert. Syn heit Jan Faber wie sútelder en hie in grutte pream. Hy wenne yn ’e Bûterhoeke. Stokâlde Berltsumers wisten noch te fertellen dat de Fabers harren net mei it doarpslibben ferbûn fielden. “Ik hear nearne by” sei Jan Faber altyd, en “as ik tefolle stjonk bergje se my mar op” en dat lêste typearret miskien wol aardich de situaasje thús. Fan Lammert is bekend bleaun dat hy sliepe koe as in mol. Al reinde it noch sa en hy lei te sliepen yn it fjild, dan waard hy noch net wekker. Sûnt dy tiid hjitte hy Lammert Mol. Bartle ferfierde letter klei nei de Berltsumer en oare tichelwurken. Hy troude in nette frou en krige in kreas gesin. Broer Albert bliuw frijfeint. Hy hie de by namme “de swalker” omdat hy in ûngeregeld libben laatte. Sa hjitte it boatsje fan him ek, wer’t hy mei farre. Bartle, troch in protte Berltsumers en oaren ferachte en pleage, moat op in goede dei it sukses, dat hy ris op menear de kantonrjochter befocht, as eat hiel bysûnders erfaren hawwe. Menear Dull, mr. Johan Hendrik Dull, hy wie in trijedûbeldeftich (út it Grinzerlân ôfkomstich) man en hy bewenne in hûs (it “Berghôf”) tsjinoer it “Hôf fan Hollân”. Foar it hûs lâns rûn in sleat en wat kaam der op in wynderige dei yn terjochte? De hoed fan Jacoba van der Heide (bynamme Jacoba Dull), it tsjinstfamke fan menear Dull. Mar gjin noed, want foar ’t holledeksel sinke koe, skeat Bartle Bultsje ta en helle de hoed derút. Sa kamen Jacoba en Bartle in momint tsjininoar oer te stean, mar dat foel ferkeard by menear Dull. “Ga weg bij die vuilak!” rôp hy syn tsjinstfaam ta. En dy belediging fan dizze deftige menear hat de al safolle pleage Bartele net nommen. Bartle Bultsje gie it oan en de kanton rjochter moast no sels terjochte stean en in boete betelje. Foar Bartle moat dit in triomf fan syn libben west ha. Hy waard in soad troch de bern pleage en begûn dan te razen en te tjirgjen. En dat koe de lytse man as de bêste. Foaral as hy in pear slokjes op hie koe hy slim tekear gean en begûn hy te flokken en te razen en makke eltsenien foar alles en wat út. Hy hie syn bekje op it goede plak sitten. Hy moast ek wol, de lytse man. Somlike bern songen wolris: “Het is Bartle syn eigen skuld dat hy in bult moet drage, hy heeft er self om sitten frage” ets. ets. Der waard troch him dan fûl op reagearre en dêr wie it de leave jongerein dan ek om begûn natuerlik. It kaam dan ek faak foar dat it mismakke mantsje mei dizze pesterijen jierren lang troch djippe dalen gean moast. Yn ‘e winter ferskinde Bartele mei in âld slidzje op it iis en dan koenen de jonges by him dobbelje om koeke en sinesappels boppe de 8 en ûnder de 13 jier. Fakentiden gie dit goed, noch faker besiken hja him dêrby te beduveljen en út de tinte te lokjen. Heftige skellerij wie dan it gefolch, want dat wisten dy jonge Berltsumers al lang: flokke en tjirgje koe Bartele as de bêste. It ferhaal gie dat syn mem him, as baby, ris fallen litten hat. Oaren fertellen dat hy as jonkje tusken de wâl en de pream fallen is en dat dêrby syn draaibonke skeind is. Doe ’t Bartle 34 jier wie seach hy kâns it hert fan in 9 jier jonger hiel kreas famke te bemasterjen. It wie Tryntsje (Joekes) Hoekstra, in weesfamke, dat alhiel allinne op de wrâld stie. Hja wied berne yn Oentsjerk. Op 17- 9 -1903 stapten Bartle en Tryntsje yn it houliksboatsje. Letter blyk dat it in “moetje” wie. Fiif moanne letter waard in famke berne dy ’t de namme fan har beppe krige en Janke neamd waard. Twa jier letter op 9-10-1906 waard in jonge berne dy ’t de namme Jan krige. Noch gjin 4 jier letter nei it houlik, op in snein, op 10-3-1907 rekke Tryntsje (te Ritsumasyl) yn it wetter en ferdronk. Hja leed oan setten. De bern waarden yn in tehûs opnommen en Bartle kaam yn in hiel âld en tige rommelich boatsje te wenjen op Ritsumasyl by Deinum. Hy libbe yn soberens fan de ferkeap fan sinesappels en it snoekfiskjen mei skeakelnetten en dêr wie hy in matador yn. Wannear ’t Bartele troch de stêd rûn mei de sek op ’e rêch, dan sieten der meastal inkelde snoeken yn. Want Bartele wist presys hokker hearen leafhawwers fan snoek wienen. Hy gie dan by de grutte hearehuzen efterom want hy wist meastal wol wannear ’t de hearen thús wienen. By de foardoar waard hy meastal ôfsâlte troch de dames of it tsjinstfamke. As hy op fersyk fan de hearen de fisk ek noch skjin en panklear makke, krige hy meastal ien of twa glêskes en as hy de smaak te pakken krigen hie en wer sinten yn ‘e bûse hie koe hy gjin kroechje mear foarby rinne. Hy dronk in protte en koe dêrnei dan hiel opsternaat wêze. As it net gie sa ’t hy woe joech hy de minsken fan alles nei. Ek al krige hy sa no en dan wat te iten oanbean, dan koe hy noch fûl tekear gean. “Dit ite sels de hûnen net” en mear fan dat soarte taal krigen de minsken dan fan him te hearren. Op it lytse kroegje yn de Bûtehoeke yn BERLTSUM koe waarimpel wol foar Bartle skreaun wêze:
“Ik tap het nat uit fles en vat en doe het zonder schromen – Die borgen laat en vechten laat, mag hier binnen komen”.
Bartele wie ek yn Ljouwert in bekend figuer, fandêr dit stik fan him yn it Ljouwerter krantsje fan Fenno Schoustra. Hjir stiet in moaie grutte foto fan him yn en ek fan in lettere Ljouwerter freon-dinne fan him. Bartele hat ek in skoftsje brêgewipper yn Ljouwert west. Hy is op 20 july 1936 yn it Diakonessenhûs te Ljouwert stoarn oan bloedspuien.
BERLIKUM, Fokke van der Meer.
‘t KLEINE KRANTSJE.
16- 1-1971.
In het Kleine Krantsje no 33 van 12-12-1970 werd door de heer Fokke van der Meer geschreven over Bartele Faber uit BERLIKUM. Als kind van 5 jaar werd ik in 1906 naar BERLIKUM gedirigeerd, daar mijn ouders overleden waren. Ik kwam bij Jan Dusselaar in de Boterhoek te BERLIKUM, hij was scheepstimmerman en kwam met deze Faber in contact als kind en ik kwam dan ook bij hun in huis, bij de moeder, de dochter, Albert en Bartele. De moeder was een heel lieve vrouw, en van de dochter heb ik nooit meer iets gehoord. Bij Albert heb ik nog als kind gevaren op het schip “de Swalker”; hij was een hele goede man, alleen als hij veel gedronken had was hij vervelend, ik ben niet lang bij hem geweest. Maar nu over die Bartele, inderdaad noemde men hem Bartele bult, maar hoe kwam dat: hij was vroeger een flinke man van ongeveer 1.85 m lang, hij was getrouwd en volgens mijn oom, oom Sake Dusselaar en oom Jetze Dusselaar, moest het de mooiste vrouw uit Friesland zijn. Ze hadden een kind, een meisje waarvan ik nooit meer iets heb vernomen. Maar deze Bartele is ongelukkig geworden door een ongeluk, (troch)dat hij op zijn rug in het water viel, maar net onder water was een paal en daar viel Bartele op. Hij werd aan boord genomen en was bewusteloos. Daarna groeide hij krom en kreeg een bult. Toen zijn vrouw was overleden werd hij visserman en de rest is zoo als de heer van der Meer schrijft. Deze gegevens heb ik nog van mijn ooms gehoord en geef dat graag door voor het Krantsje en dank u hartelijk voor de opname.
Boven-Leeuwen. S. Demmers.
(Sytze Demmers, berne te Amsterdam op 20-8-1902 as soan fan Trijntje (Albert Jans)Dusselaar, troud mei Hendrik Sytzes Sikkema, wie in pleechsoan yn it gesin fan Jan Alberts Dusselaar en Hendrikje Klazes Smidts. Syn mem wie stoarn en dêrfoar hie syn heit it gesin al ferlitten en wie net te finen. Sytze troude letter mei Arentje Houkes Hager, berne te BERLTSUM op 26-3-1902 en wie dêrnei tramkondukteur te Amsterdam.)
‘t KLEINE KRANTSJE 16 -1-1971.
In nummer 131 noemde de heer D. Spijkerman uit Bartlehiem de naam Bartele Bult als van een visserman die met zijn vriend met een scheepje in de Sneekertrekvaart lag en dikwijls dronken was. Toen ik nog niet eens naar school ging kende ik Bartele al, die meestal met zijn scheepje vlak bij mijn oudershuis in BERLIKUM lag. Als ik als schooljongen zat te vissen, dan gaf Bartele me les in de hengelkunst. Zijn eigenlijke naam was Bartele Lammert ’s Faber, maar in de volksmond zei men Bartele Bult of Kromme Bartele, en mijn moeder zei altijd Kleine Bartele.
Fokke van der Meer: (nochris oan it wurd.)
As ik him yn de winter opsocht yn de finzenis as hy dêr syn tiid wer ris út siet fanwegen iepenbiere dronkenskip, dan sei hy wolris tsjin my: “Sa ’n boarrel kin somtiden ek noch nut hawwe want no haw ik lekker in skoftsje it iten fergees en ek noch fergees in sliepplak derop ta. Folle is der dochs net te fangen yn sa ‘n rot winter”. Wie hy thús, dan lei Bartele faak te lêzen. De boeken helle en ruile ik altyd foar him yn de Nuts bibleteek fan BERLTSUM. Ien ding kin ik ek noch fan Bartele sizze: Hy hie altyd in fleurich sin, dit yn tsjinstelling mei in broer fan him dy ’t ek in protte yn de stêd kaam en in lyts frachtskipke hie en yn ‘e wannel Albert Swalker neamd waard, dy moppere en seurde altyd en as hy dan ek noch wat te folle drank op hie dan spriek hy somtiden hiel faak efterinoar, mei de finger omheech wizende: “Maar eens, maar eens, komen ze voor de rechterstoel des Heeren”. Bartele sei wolris tsjin my: “Somtiden kinne jo better stelle as biddelje”. Sels soe hy dat nea dwaan. As hy jild liende fan immen dan krigen hja it grif wer fan him werom, ek al duorre it in skoftsje, sa wie hy.
Der wienen kastleins by – en dat haw ik sels sjoen - dy ’t twa soarten fan drankflessen hantearren, net mei wetter fertinne. De mindere soart gie fakentiden nei de begoedige keaplju en it sjouwersfolk krige de mindere soart, aldus Fokke.
(Dit sil fêst ek fan ynfloed west hawwe op it dronkenskip fan de lytse – gewoane - man.)
L. C. 10-4-1805 en 26-10-1805
===================
Yn 1805 is Cornelis Douwe ‘s van Gelder, huisman (boer) te BERLTSUM (Hy wenne yn it pleatske neist de “nije herberch” (“Hof van Holland”), wêr ’t letter Sybren Jac. van Tuinen wenne hat.), Klaas Klases van Gelder, huisman te BERLIKUM en Claas Cornelis van Gelder, huisman te Sint Jacobi Parochie û./d. BERLTSUM.
(Boppeneamde húsman Klaas Klases van Gelder ûndertekene yn 1816 as mei-lid fan ‘e Gemeenteried fan BERLTSUM in brief oan de Gûverneur fan Fryslân oangeande levere (artillery)hynders etc. ..... ..... Mei oare leden fan it pleatslik bestjoer fan BERLTSUM ûndertekene hy yn 1816 ek in dokumint oangeande de belêsting op Wyn en oare dranken, Bôle, Turf op it Gemaal etc. ...... ...... Hy waard yn 1814, ek as ynwenner fan BERLTSUM, foardroegen as taksateur te BERLTSUM en dêrta geschikt befûn. Yn 1814 stiet hy neamd mei syn rang op de list fan foardroegen persoanen as Offisieren by de Lânstoarm yn it Arrondissemint Ljouwert.)
L. C. 24-2-1809.
VERKOOP van een bijkans nieuwe Huizinge (no bouwbedriuw van Dokkumburg It Skil nû. 12) voorzien van een ruim woonhuis, een royale net betimmerde Voorkamer en Achterkamer, Keuken, Kelder en Galderije, benevens een nieuw gebouwde groote Schuur voorzien van diverse Koe- en Paardestallen met deszelfs Steede Grond, Tuin, Put en Regenwatersbak, by Arjen Cornelis (van Dussen, doopt te St. Anne op 15-6-1749, st. te BERLTSUM 25-7-1827, boaske mei Maartje Rinses) bewoond, staande en gelegen tegenover de Oude Herberg ofwol het “Wapen van Vriesland” (* te BERLTSUM. (de van der Dussen’s komme, krekt as de van der Mije’s, ek út Súd-Hollân.)
Syn soan Cornelis Arjens van Dussen wie troud mei Antje Klazes van der Steeg en ferkocht yn 1842 in hûs te Sint Anne en hjir yn 1846 noch in protte lân.)
(* Hjir stie letter yn 1901 it tramstasjon, letter in glêzen bushokje en is no parkearplak wurden.)
---------------------------------------
L. C. 7-7-1949.
Toen de 69 jarige heer K. Wiersma te Menaldum met zijn huishoudster van een avondbezoek aan zijn dochter (Janke Klazes Wiersma, berne op 20-7-1903, troud mei Yde Minnes Nieuwhof ) te BERLIKUM huiswaarts keerde, werd hij plotseling onwel. In de berm van de weg overleed hij kort daarna.
(Dit wie de âld-skipper Klaas Oeges Wiersma fan Menaam, berne te Norg op 24-11-1879, de widner fan de te Menaam berne Antje Sjabbe’s Mietus)
L. C. 29-6-1949.
Tot onze diepe droefheid werd plotseling van ons weggenomen onze kleine lieveling GERRIT, oud 10 maanden.
BERLIKUM, 27 Juni 1949.
Johannes van Wigcheren
M. van Wigcheren – Quarré.
Beitske.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 20-6-1949.
Heden overleed plotseling onze geachte secretaris, de heer F. Sperling, op de leeftijd van 62 jaar. Gedurende 26 jaar heeft hij de belangen van onze Vereniging “De IJsclub” te BERLIKUM trouw gediend. Zijn nagedachtenis zal steeds bij ons in herinnering blijven.
BERLIKUM, 18 Juni 1949.
Namens het bestuur,
G. Miedema, voorz.
R. van Reenen, penn.m.
J. O. van Dijk.
H. J. Born.
S. de Haan.
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 21-10-1950.
Gistermiddag is de 51 jarige J. J. uit BERLIKUM, controleur bij de V. B. N. A., op het Zuiderplein te Leeuwarden plotseling in elkaar gezakt. Bij aankomst in het ziekenhuis was de heer J. reeds overleden.
(Dit wie Johannes Jelke Harmens Jasper, dy’t troud wie mei Pietsje Douma. Sjoch de foto yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 40, syn heit Jelke Jasper).
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 23-10-1950.
HEDEN overleed plotseling onze beste neef en achterneef JOHANNES (Jelkes) JASPER, op de leeftijd van 51 jaar, geliefde echtgenoot van Pietje Douma.
BERLIKUM, 20 October 1950.
Familie H. F. Jasper.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 13-12-1960.
MEERVLEERMUIS komt ook in Friesland voor.
Zoals reeds in augustus werd gemeld, vond de heer Tj. Westra te BERLIKUM (Fr.) begin mei van dit jaar een nog levende vleermuis met een ringetje, gemerkt “Inst. Sc. Nat. Bruxelles 24414”. .......... ..........
(Van ongeveer 22 soorten in Nederland voorkomende vleermuizen is de meervleermuis het meest zeldzaam. Sinds 1973 zijn alle inheemse soorten wettelijk beschermd. (Sjoch ek A. M. Voûte: Vakblad voor biologen vol. 16 pag. 46-55 d.d. 17-2-1976)
De BERLTSUMER Myotis dasycneme (Marflearmûs) en Xestobium rufovillosum.
(Bûnte kjifkrobbe).
(Yn lús en plús sitte.)
Flearmûzen hingent oan de tsjeke souder.
Omstreeks 1940 start in Nederland een uitgebreid vleermuisonderzoek. Dat onderzoek levert een schat aan gegevens op. Het blijkt, dat er 17 vleermuissoorten in ons land voorkomen. Voor het overgrote deel bestaat die uit honkvaste dieren die zich zowel de zomer als de winter in dezelfde streek ophouden. Dat bleek uit het feit, dat de van ringen voorziene vleermuizen vrijwel altijd in de buurt van de plaats van loslaten werden terug gevonden. Slechts enkele soorten vormden een uitzondering op deze regel, w. o. de meervleermuis (myotis dasycneme). Van deze soort werden ongeveer 200 exemplaren in de mergelgrotten van Zuid-Limburg geringd. Terugmeldingen leverden een totaal ander beeld op dan van alle overige inheemse soorten. Het bleek, dat de tijdens de winterslaap in Zuid-Limburg geringde dieren zich in de zomer in noord-noord westelijke richting hadden begeven tot in West-Friesland en de provincie Friesland. Het was in eerste instantie niet duidelijk waartoe deze verplaatsing diende. Toen in de vijftiger jaren de eerste zogenaamde kraamkolonie van meervleermuizen (marflearmûzen) in de Nederlands Hervormde Kerk van Kollum werd aangetroffen, werd duidelijk hoe de stukken van de legpuzzel van deze vleermuizensoort in elkaar grepen.
Het bleek, dat Nederlandse meervleermuizen altijd overwinteren in grotten op een afstand van twee- tot drie honderd kilometer van het zomer-kwartier. Deze grotten bevinden zich in West-Duitsland, Zuid-Nederland, België en Noord- Frankrijk. Het zomerkwartier bevindt zich in Noord-Holland en Friesland. De gevaarlijke route tussen winter- en zomer gebied wordt vermoedelijk afgelegd langs diverse grote waterwegen, zoals rivieren en kanalen. Na de ontdekking van de eerste kraamkolonie van de meervleer-muizen te Kollum (een kraamkolonie is een verzameling vrouwelijke volwassen vleermuizen van dezelfde soort, die ‘s zomers tijdelijk bijéén komen om min of meer gelijktijdig hun jongen ter wereld te brengen, de rest van het jaar leven deze dieren solitair) werden nog meer van deze kolonies ontdekt. Een in Noord Holland (Oostzaan) en tien in Friesland, t. w. in Kollum, Wommels, Oosterend, Goutum, Sloten, Oosterlittens, Tjerkwerd, BERLIKUM, Beetgum en yn in hûs te Wartena. Hoewel de kolonie in de Nederlands Hervormde Kerk te BERLIKUM al lang bij de koster (Hendrik Lourensz. Zwart) en omwonenden bekend was, werd ze pas in 1960 bij toeval door “de wetenschap” ontdekt. (Neidat de koster Hendrik Zwart in troch him fûn ringd eksem- plaar opstjoerd hie). Een Belgisch geringde meervleermuis werd dood in de nabijheid van de (Koepel) kerk gevonden. De ringgegevens van dit dier belanden bij toeval bij vleermuis- onderzoekers van de Rijksuniversiteit van Utrecht (Zoölogisch Instituut, bioloog dr. A.(ldo) M.(ari) Voûte.) Hun aandacht werd op een voor hen nieuwe kraamkolonie gevestigd. In voornoemde kraamkolonies werden in de vijftiger en zestiger jaren grote aantallen meervleermuizen geringd, wat resulteerde in het eerder beschreven inzicht over de winter- en zomer verblijven en de hiertussen gelegen trekwegen. Toen bleek, dat het ringen van vleermuizen niet bepaald bevordelijk was voor de overlevingskans van de vleermuizen (de aangebrachte ring kan arm- en vleugel beschadegingen veroorzaken) werd het ring onderzoek gestaakt. In plaats hiervan werd in 1965 de kraam-kolonie uit de Nederlands Hervormde Kerk van BERLIKUM uitgekozen als object van diepgaande biologische studie betreffende de relaties tussen deze dieren en hun milieu. Dit onderzoek, dat plaats vond tussen 1965 - 1971, had de sympathie van de plaatselijke kerkeraad en de Berlikumer bevolking. Ook de gemeente MENALDUMADEEL steunde dit onderzoek en verleende alle onderzoekers gratis onderdak in het voormalige “Berlingahiem”. Om de instandhouding van soorten nauwlettend te kunnen volgen werden jaarlijks tellingen gehouden, zo ook in BERLIKUM. Thans bestaat de kolonie uit ongeveer 100 exemplaren. Met hulp van de plaatselijke vogelwacht wordt jaarlijks in de maand november het zomerverblijf van de meervleermuizen in de Koepelkerk van de nodige uitwerpselen ontdaan. Tijdens de restauratie van 1972 - 1980 bleef, ondanks de bouwactiviteiten aan dak en koepel, een deel van de vleermuizen achter, terwijl een overig deel eigener beweging een nabij gelegen gastvrij onderdak vond. (yn de spoumuorren fan it hûs Hôfsleane nûmer 58) Goed overleg tussen het restauratieteam en vleermuisonderzoekers voorkwam desastreus onheil voor de dieren, hoewel de tweemaal uitgevoerde hout conserveringsbehandeling (de kap sit fol mei swier ikehout) voor problemen zorgde. Hoewel die behandeling plaatsvond in de winterperiode en zich dus geen vleermuizen in de kerk bevonden, sneuvelden in het jaar daarop tientallen jonge vleermuizen. Nog voor deze in staat waren uit te vliegen, stierven deze, naar het oordeel van de faculteit voor Diergeneeskunde, aan het voorkomen van conserveringsmiddelen in het darmkanaal van deze dieren. Dit gebeuren was voor alle autoriteiten, belast met de zorg voor flora en fauna, voldoende redenen om bij de restauratie van monumentale gebouwen uiterst zorgvuldig te werk te gaan. Ten slotte gaat het om een bedreigde, maar bij de wet beschermde diersoort. De indruk bestaat, dat de gevolgen van het gebruik van bestrijdingsmiddelen afneemt, hoewel dat op dit moment nog niet met zekerheid kan worden gesteld. De bijna-ramp met de Berlikumer meer- vleermuizen heeft ook positieve krachten ontketend, t. w. een toegenomen besef van verantwoordelijkheid een intensievere samenwerking tussen alle bij de kerkrestauraties betrokken instanties en het zoeken naar alternatieve conserveringsmiddelen. (hjitte lucht) Tijdens de laatste restauratie van de koepel en klokkenstoel (yn 2000), noodzakelijk geworden door het verwoestende werk van de bonte knaagkever, zijn extra voorzieningen getroffen. Er is een speciale zoldering aangebracht en is de kerk voorzien van vlieggaten. Uit het hierboven beschrevene mag blijken, dat alle verantwoordelijken voor de gerestaureerde kerk van BERLIKUM een bijdrage blijven leveren aan het welzijn van de meervleermuizen. (en it ferdylgjen fan de bûnte kjifkrobbe.)
(Der komme mar twa sub populaasjes fan dit soart foar yn Jeropa, ien yn Ruslân en ien yn N. W. Jeropa. Tsjerkwert (yn de St. Petrus tsjerke) hat de grutste populaasje t. w. in 600 folwoeksenen en jongen. Elts jier wurdt ein juny yn de kreamkoloanje in telling hâlden omdat dan de jongen noch net útflein binne.)
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Op GOOGLE: De vleermuis heb ik in dank ontvangen.
(100 jaar vleermuisonderzoek in de Sint Pietersberg; van benutting tot bescherming.
Door Marjolein Bax.)
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 12-1-1972.
Vleermuizen van BERLIKUM “Miskend”.
(Dr. Voûte.)
L. C. 4-9-1972.
Het wonderlijke leven van de meervleermuis.
(w. û. yn BERLTSUM, ûnder tafersjoch fan dr. Voûte.)
...... ....... de heer Voûte heeft daartoe jarenlang het gedrag van de kolonie in de toren van BERLIKUM bestudeerd. Hij woonde al die tijd in het pand op Buorren huisnummer 98 en rukte bij goed weer iedere avond uit met zijn apparatuur teneinde het wel en wee van de meervleermuis te registreren etc. ......... ..........
Foto: Registrearje by nacht.
L. C. 26- 4-1976.
MEERVLEERMUIS in Friese kerktorens kind aan huis.
.................”laten wij ons ervan bewust zijn, dat wij ten aanzien van de meervleermuis wel een zeer grote verantwoordelijkheid dragen”, zei de secretaris van het “Fryske Gea” de heer Adriaan J. van Tooren. Hij dacht hierbij aan de gang van zaken in BERLIKUM waar men tijdens de restauratie van de kerk in 1973 en 1974 bijzonder voorzichtig te werk is gegaan om de vleermuizen niet te verjagen. In 1974 waren er bijna 250 dieren in de Berlikumer meervleermuizen kraamkamer. Maar het dak was na de restauratie van de kerk aan een grondige opknapbeurt toe; vleermuizen of niet, ook Berlikumers zitten graag droog in de preek. Deze herstelwerkzaamheden aan het dak betekende echter een nog veel groter gevaar voor de kolonie dan de restauratie. Er kwamen biologen aan te pas die samen met de architect en de kerkvoogden uitdokterden hoe dit varkentje het best gewassen kon worden. Zo werd onder meer het werkschema bij de verbouwing aangepast bij het gedrag van de vleermuizen. Voorjaar 1975 was de situatie op de kerkzolder zo ongunstig voor de vleermuizen, dat er nog maar 30 dieren in de kerk bleven. Deze volhouders kwamen de kerk binnen (en verlieten dus) door de gewone vlieggaten, hoewel er op dat moment veel grotere openingen in het dak zaten. In de zomer van 1975 vestigden ook de vleermuizen die eerst waren uitgeweken naar de spouwmuur van een nabij gelegen woning (oan de Hôfsleane nu. 58.) zich weer in de kerk. Er werden tenslotte weer 160 dieren geteld in de kraamkolonie in de kerk van BERLIKUM. Dat betekende wel een teruggang, maar dat was waarschijnlijk niet uitsluitend toe te schrijven aan het herstelwerk. Eind 1974 was al gekonstateerd, zei de heer Van Tooren, dat heel wat vleermuizen waren overleden door de grote hoeveelheden D. D. T. en ander gif, dat ze binnen hadden gekregen. (by it bestriden fan de houtwjirm en de swam yn it hout fan de koepel.) De secretaris van het “Fryske Gea” kwam tot de slotsom, dat er “in stilte” belangrijk werk is verricht op natuurbeschermings gebied te BERLIKUM. ( De romte foar de flearmûzen op de tsjerkesouder wurdt beheind troch in stekwurk)
Sjoch ek de L. C. fan 23- 7-1977.
BERLIKUM en Tjerkwerd enige kraamkamers in West-Europa.
DESKUNDIGEN NOEMEN DOOD MEERVLEERMUIZEN EEN RAMP.
BERLIKUM en Tjerkwerd (St. Petrustsjerke) enige kraamkamers in West-Europa.
(Foto: Fan de dêr oan de balken hingjende flearmûzen.)
Deskundigen noemen dood meervleermuizen een ramp. Wijfjes van honderden kilometers ver om hier de jongen groot te brengen.
en de L. C.
fan 16-10-1968.
OPERATIE MEERVLEERMUIS IN EN ROND BERLIKUMER KOEPELKERK TEN EINDE.
(De meervleermuis kin sân sintimeter wurde en weaget tusken de 14 en 20 gram. De bûnte kjifkrobbe hat sa wat in lingte fan 7 millimeter. Hy hat in foarleafde foar ikenhout. Yn it Hollânsk wurdt it bist ek wol it doodskloppertje neamd. It is in wiere pleach foar monuminten behearders. De krobbe giet troch itselde gatsje de balke yn, en pas as dy fan binnen frijwol úthold is, fâlt der fan bûten wat te sjen.)
L. C. 3-3-1978.
KERK BERLIKUM GESLOTEN VOOR MEERVLEERMUIS.
Wegens nawerking lindaan.
In de winter van 1972 – 1973 werd het houtwerk van de kap in der kerk behandeld met het conserverigsmiddel lindaan.
GOOGLE: Dank zij de vleermuis werd de Berlikumer kerk landelijk bekend. Aan het woord is Jeannette van den Boogaard-Bongers. Wanneer is de etc. ..... .....
L. C. 2-3-1988.
HELFT VAN BESMETTE VLEERMUIZEN KWAM UIT FRIESLAND.
(BERLIKUM en Tjerkwerd.)
Foto: Fan in neimakke flearmûs.
L. C. 21-5-1990.
VLEERMUIZEN TELLEN ALS NACHTAVONTUUR.
L. C. 5-9-1998.
KERK BERLIKUM BEDREIGD NATUURMONUMENT.
BERLIKUM – De bonte knaagkever rukt ook in de monumentale Koepelkerk van BERLIKUM op. Maar het beestje bedreigt dit keer niet alleen een cultuur, maar ook een natuur monument. De uit 1777 daterende kerk is met het godshuis in Tjerkwerd de belangrijkste kraamkolonie van de zeldzame meervleermuis in West-Europa. Binnenkort zal voor de derde keer in 25 jaar tijd een grote onderhoudsbeurt aan het gebouw gegeven worden. Op de Open Monumentendag, volgende week zaterdag, kan het interieur van de kerk in de stijl van Lodewijk de XVI nog bewonderd worden.
L. C. 1-4-2003.
BERLIKUM VIERT FEEST NA RESTAURATIE KOEPELKERK.
BERLIKUM – De restauratie van de Koepelkerk in BERLIKUM is voltooid. Er is 3 jaar gewerkt aan het herstel van de karakterestieke koepel van de kerk. Die was ernstig in verval geraakt door lekkages en de vraatzucht van de bonte knaagkever. De restauratie heeft bijna 600.000 euro gekost. Het einde van de restauratie wordt in de komende maanden gevierd met een aantal festiviteiten. Zo vindt komende zaterdag de eerste van een reeks koepelconcerten in de kerk plaats en zal er volgende maand een sportfestijn rondom de kerk worden georganiseerd. Tijdens de restauratie zijn de meeste balken uit de koepel vervangen en is de klokkenstoel hersteld. Onder de koepel is een kooiconstructie gemaakt waarin de tweehonderd zeldzame meervleermuizen die de kerk bevolken kunnen hangen.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 3-2-1860.
HEDEN morgen werd ik in hartverscheurende droefheid gedompeld door het overlijden van mijne dierbare Echtgenoot DOUWTSEN TAEKES LAUTENBACH. Zij bereikte nog geene 35 jaren, van welke ik bijna 16 in een genoeglijksten echt met haar verbonden was - Allen, die de overledene gekend hebben, zullen beseffen wat ik en onze acht nog overgebleven Kinderen, van welke de oudste nog geen 15 jaren en de jongste pas 3 weken telt, in haar verliezen, en hoe onuitsprekelijk zwaar het mij valt haar te missen. De Hemelsche Vader schenke mij kracht en leere mij in Zijnen wil te berusten.
BERLICUM, den 24 Januarij 1860.
K. J. van der Schaaf.
Vrienden en Bekenden gelieven deze algemeene tevens als bijzondere kennisgeving aan te nemen.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 26-3-1878.
Aanbesteding bij gesloten briefjes te BERLIKUM, wegens het afbreken van eene schuur, het bouwen van een nieuw Evangelisatie-lokaal met meublement en een belangrijke herstelling van het woonhuis enz. (en efter no Buorren 51) voor den evangelist, waarvan het bestek ter inzage ligt bij den Kastelein Klaas B.(erend ’s) Osinga aldaar. Aanwijzing van het werk op Dingsdag 2 April, des v. m. 11 uur. De briefjes franco in te leveren op Vrijdag 5 April uiterlijk des v. m. vóór 5 uur, t. h. v. K.(laas) J.(arig ’s) van der Schaaf te BERLIKUM.
(destiids tsjerkfâd en mr. timmerman te BERLTSUM).
(Klaas Jarig Jakles van der Schaaf wie troud mei Doutzen Taeke ’s Lautenbach. Syn soan Taeke Klazes van der Schaaf hat yn 1863 de no grutte kastanjebeam (spitigernôch omwaaid by de stoarm op 13-9-2017) en de grutte boekebeam beide yn de Pastorijetún foar de doe nij boude pastorije plante. De Evangelisaasje wie oprjochte yn 1878 en erkend by K. B. d. d. 3-4-1878. It gebouw wie as tsjerkemodel en kwa oerflak sa wat like grut as de tsjint wurdige doopsgesinde tsjerke fan BERLTSUM.)
L. C. 18-6-1858.
HEDEN morgen overleed, in den ouderdom van ruim 73 jaren, onze geliefde Vader en Behuwd- vader TAEKE KLASES LAUTENBACH, in leven Guardenier en Kerkvoogd der Hervormde Gemeente te dezer plaatse. Eene korte ongesteldheid maakte en einde aan zijn werkzame en voor ons zoo dierbaar leven. Wij gevoelen hoeveel wij in hem zullen missen; doch de hope, dat hij de zalige rust is ingegaan, lenigt onze smart.
BERLICUM, den 7 Junij 1858.
K. T. Lautenbach,
in aller naam.
Vrienden en Bekenden gelieve deze algemeene tevens voor bijzondere kennisgeving aan te nemen.
HJIR HAWWE 2 EVANGELISTEN wurke yn BERLTSUM,
t. w. de heren Jan Willem Poot (berne te Deventer – it eksonym is Dimter - op 17- 7-1851) en Frederik Haverkate, berne op 19-4- 1845 te Vriezenveen, tr. m. Maria Laarman, dy’t yn 1881 nei Den Haach gien is. J. W. Poot, hy wie yn 1877 op 9-3-1875 te Edam troud mei Frederica Sophia Vink, is letter yn 1879 nei Âlde Leie ferhúze as de twadde foargonger nei dûmny M. Mooy. Jelle H. Boersma en oaren hienen dêr in evangelisaasje oprjochte wat letter yn 1875 de Frije Evange- lyske Tsjerke fan Âlde Biltsyl wurden is. Doe it tredde haad fan de C. N. S. skoalle t. w. Pieter Kurpershoek (1849 - 1916) hjir kaam op 8-10-1879 is hy troch J. W. Poot ynstallearre. Skipper D. W. Reinouds fan BERLTSUM (de pake fan Dirk Gerrit ’s de Haan, troud mei Maaike Wassenaar Jansdr.) hie Kurpershoek, op 26-12-1872 te Ridderkerk troud mei Anna Schravesande, fan Noordbarge (Emmen) mei húsrie en al ophelle. Hy hat hjir net sa lang haad fan de skoalle west, want op 30-10-1883 is hy al wer fuort gien nei Nieuwveen (Z. H.). Hy is letter as haad fan de C. N. S. skoalle yn Skettens yn 1889 mei de doleânsje meigien.
(In foto fan P. Kurpershoek stiet yn it Geïllustreerd Christelijk Vijf Cents–Blad en sjoch op GOOGLE: De kinderjaren van Willem Frederik (Poot) in Nederland. Fan de âlve bern fan boppeneamde J. W. Poot binne twa yn BERLTSUM berne t. w. Willem Frederik yn 1878 en Abraham yn 1879. De sibbe Poot is letter nei de U. S. A. ferhúze, nei Kalamazoo yn de Steat Michigan.)
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 25-12-1897.
Heden overleed mijne geliefde Echtgenoot
en der Kinderen zorgvolle Moeder MAARTJE
(Douwe Pieters) SIDERIUS, in den ouderdom
van 49 ½ jaar, waarvan wij ruim 20 jaren door
den echt verbonden waren. Vertrouwende, dat
zij de rust, die er overblijft voor Gods volk, is
ingegaan, wenschen wij Gode te zwijgen.
BERLIKUM, 22 December 1897
Taeke van der Schaaf.
Mede namens mijn twee Kinderen
L. C. 2-11-1881.
DE LEIJE. 30 October. Heden heeft de Christelijke Jongelings Vereeniging alhier hun 7e jaarfeest in het locaal der Vrije Evangelische Gemeente herdacht. De heer J. W. Poot, leraar bij genoemde gemeente, trad als feestredenaar voor een talrijke schare op. ...... Een aantal afgevaardigden van zustervereningen uit BERLIKUM, Birdaard, Britsum,Ternaard, Holwerd en Minnertsga waren opgekomen ......... Het feest werd nog opgeluisterd door het zingen van verschillende liederen uit de bundel van Sanky, welke liefelijk klonken, in zonderheid de solo.
(J. W. Poot hie hjir foar de Herfoarme tsjerke betanke om dêr yn Âlde Leie as Frij Evangelysk foargonger syn evangelisaasjewurk dwaan te kinnen. De tsjerke stiet no yn Âlde Biltsyl.)
L. C. 13-3-1779.
Ymand genegen, of zulks benodigt zijnde om eenige honderden Last best KEYSEL, of zogenaamd best Vriesch Wrak (âlde Fryske stien) uit de hand te kopen, leggende in het Dorp BERLIKUM op ‘t Kerkhof, alwaar het van de Gegadigdens kan worden bezien, zeer bequaam en geschikt om aan de Zeedijken te kunnen worden geëmployeerd en gebruikt, kan zig adviseeren of vervoegen by Sipke Jans, Timmerbaas op de Waeze naast Koopman Reiger, of by Hylke Stienstra, Mr. Timmerman in ‘t Zaayland te Leeuwarden, die in alle billykheden en zeer Civiel willen handelen.
L. C. 11-12-1776 en L. C. 18-12-1776
Aanbesteding afbraak/opbouw 8 kantige Koepelkerk te BERLIKUM. Arsjitekt Willem Douwes, stedsboumaster te Harns, hat nei alle gedachten de tekening fan de Koepeltsjerke makke nei in plattegrûn út it learboek fan SIMON BOSBOOM. (Amsterdam 1682).
(De opsjenners by de nij te bouwen tsjerke wienen Willem Douwes, keapman te Harns en âld- boumaster fan dy stêd, Sybren van Gelder, mr. tiggelbaas te BERLTSUM en Jetse Mein(d)erts, troud mei Akke Reiners, mr. timmerbaas te BERLTSUM. Der is by de bou fan de Koepeltsjerke in moai mannich hout brûkt by de bou, dit hie net nedich west, want de tsjerke hie wol folle lichter boud wurde kinnen. Douwes moat hjir as houthanneler wol tige oan fertsjinne ha.)
SIMON BOSBOOM (* Embden 1614 – ferstoarn te Amsterdam 1662.)
Bosboom wurke yn Ingelân en yn Dútslân oan it hôf fan de Keurfoarst fan Brandenburg. Fanôf 1640 wurke hy yn Nijmegen û. o. oan de útwreiding fan in earmhûs. Fierder wurke hy mei oan de bou fan it Paleis op de Dam te Amsterdam ûnder Jacob van Campen. Yn 1653 folge hy Willem de Keyser op as master-stienhouwer. Dit amt hat hy oan syn dea ta beklaaid. Bosboom is it meast bekend troch syn boek: “Cort onderwijs van de vyf Colommen, uyt den scherpsinnigen Vincent Schomozzy (Scamozzi) getrocken”, dat yn 1670 by Justus Danckerts it ljocht seach en fakentiden werprinte is. Nei alle gedachten is de útjefte fan dit boek troch syn soan Dirk besoarge. It portret fan Simon Bosboom nei Nicolaas de Holt Stocade, troch Pieter de Jode gravearre, is opnommen yn it Gulden Cabinet te Antwerpen.
WILLEM DOUWES (* om 1718 hinne en stoarn te Amsterdam yn 1797.)
Hy wie yn 1773 de stedsboumaster fan Harns en yn 1745 boaske mei Ymkje Theunisdr. beide ôfkomstich fan Penjum. Hy wenne oan de súdside fan it Swart Fallaat te HARNS. Hy hie ferskate houtseachmûnen, lykas de “Beidschat” (** ûnder Almenum (nei de brân tapaslik de “Phoenix” neamd) en ikenhoutseagerij de “Ruiter” te Amsterdam steande bûten de Utrechtse Poort. Mei syn twa soannen Jan en Willem Douwe ‘s HOUTSMA en Theunis HOUTSMA hannele hy, behalve yn Harns, ek yn Amsterdam yn hout. (boarne: Ljouwert. Tresoar tagong nû. 318-20 argyf sibbe Houtsma en Google: Deze dag in de geschiedenis van Harlingen. De Ljouwerter krante 8-2-1895 Vijf generaties houthandel Houtsma aan de Rozengracht in Harlingen. Hy siet goed by kas.
Hy hat rûchwei út de hân in PLATTEGRÛN skets makke weryn hy oanjout hoefolle (beslettene) banken der yn de Koepeltsjerke komme moasten. (“te plaatsen en te schikken”) By de muorren (rûchwei lâns tekene) mar ien rige banken foar de ferhier. Oan de Súd-Westkant tekent hy (rûchwei) in bank mei deryn koartwei oanjûn: d’ Aumale, (yn 1795 wurdt noch in ferklearring fan eigendom ôfjûn dat de bank eigendom is fan it slachte d’Aumale), (de)Vos, it konsistoarje (de âlderlingen), de tsjerke & earmfâden, de pastorije (dûmnysbank) en in bank foar Hulshuys en (de) Gelder. Tusken de fjouwer pylders tekent hy 2 keer 48 stuollen en 2 kear 64 stuollen dus meiinoar 224 stuollen. Dit oantal stuollen koenen der nei myn tinken net stean. Heechút wienen dat 150 stuollen. (argyf Schwartzenberg) Grytmansbank: de manlju ûnder dak, froulju derfoar.
(* fuotnoat
SJOCH: Tresoar – by Mens en goed – nei Kaartencollectie en dan nei Digicollectie Tresoar, by de plattegrûn fan de Koepeltsjerke. “PLAN hoe men het Binnenwerk in de Nieuwe Kerk van BELKUM soude kunnen plaatsen ofte schikken”.
Of de beide lêstneamden tegearre in bank diele moasten of foar elts in bank ornearre wie, is net rjocht dúdlik. Want yn 1791 (sjoch by Haadstik 35 BERLTSUM 1789 - 1795) wurdt Hulshuys de hierder fan in doe nijboude trijedûbele slúten bank. (boud foar ien fan de efterste pylders?) Foar de beide efterste pylders hawwe ek beslettene banken stien dy ’t by de restauraasje fan 1972 - 1980 der wer weihelle binne. Op de âlde foto ’s (Haadstik 28 Berltsumer belangen/tsjerkebelangen) fan it tsjerke ynterieur binne se noch te sjen.
(** Fuotnoat:
Olphert Olpherts Posthumus wonende te BERLIKUM, op 9-6-1769 wordt er “reekeninge, bewijs en reliqua” gedaan door de koopman Olphert Olpherts Posthumus te BERLIKUM als geautoriseerde curator, benevens Jan Ebles van Wijnaldum, als mede-curator over de nagelaten kinderen van wijlen Jacob Cornelis BEIDSCHAT, in leven huisman te BERLIKUM, rendanten ter eene contra Abel en Antje Jacobs, beide meerderjarig, rendeerend ter andere sijden”, waarin telkens de ontvangsten van de houtmolen te Harlingen (de BEIDSCHAT (?) en landerijen te Kimswerd zijn opgenomen. (Gen. Dokter) Olphert Olpherts Posthumus jr. , syn pakesizzer, is yn 1781 boaske mei Jantie Jarigs fan Tsjummearum.
L. C. 20-5-1778.
Aanbesteding timmeren binnenwerk, leyen dekken, glazen maken, pleisterwerk in de nieuwe Koepelkerk.
L. C. 24-12-1860.
Aanbesteding afbreken en opbouw nieuwe PASTORIE op dezelfde plaats te BERLIKUM.
(de Herfoarme pastorije)
STEDS- en DOARPSKRONYK fan G. A. WUMKES.
Op 26- 3-1777.
Verloren een tekening met 3 wapens, terug te bezorgen bij den beeldhouwer HEMPEL te HARLINGEN.
(Johann Georg Hempel wieberne yn 1744 ôfkomstich fan Altenburg (Thüringen) yn Dútslân. Hy wenne earst yn Snits en sûnt 1763 yn Harns by de Franequer pijp as selstannich byldhouwer en houtsnijer. Sjoch de fjouwer tiden fan it jier op de preekstoel yn de Berltsumer Koepeltsjerke troch him snien.) Hy wenne yn 1762 earst yn Snits oan it Scharnster Espel en wie dêr op 12-4-1762 boaske mei de út Snits ôfkomstige Janneke Jans. Acht dagen letter op 20-4-1762 waard harren soan Johan Godvried doopt. Oar bekend wurk fan him is it snijwurk yn it Snitser stêdhûs en de ryklik fersierde preekstoel yn de tsjerke fan Seisbierrum en yn dy fan Harns. (In protte út syn neiteam wenje letter yn de gemeente Wûnseradiel. In bekend dirigint wie Jurjen Hempel.)
Verkoop van Friesche steen van de afgebroken kerk te BERLIKUM. (Wumkes d. d. 26-3-1777)
De ANTEPENDIA (foar oer de nachtmielstafel) en de STOLA ’s (foar oer de toga) fan de Koepeltsjerke binne makke troch:
Akke Talsma - Sijtsma, tr./m. Reinder Talsma. (in pearse mei û. o. de ipen bibel),
Willy Runia – v. d. Zee, tr./m. Thomas Pieter Runia. (in wite mei û. o. in kandler c.s.),
Dirkje Posthumus - Fahner, tr./m. Watse Hendrik ’s Posthumus. (in griene),
Wietske Wolters, tr./m. Jan Anne ’s van Assen. (in pearse mei û. o. in krús c.a.),
Sytske Tuinenga – Burrie, tr./m. Tjisse Wytze ’s Tuinenga. (ek in wite), en
Willy, tr./m. Bote Marten ’s van Dijk. (in reade mei û. o. in wite do c.a.),
leden fan de Herfoarme gemeente fan BERLTSUM.
(Der wie yn oktober 1997 troch de tsjerkfâdij in nije (langere en hegere) ikenhouten nachtmielstafel meitsje litten. Op foarstel fan dûmny Aiso Wiebenga binne doe troch frijwilligers fan de tsjerke de antependia foar oer de nachtmieltafel en de dêrby behearrende stola ’s foar oer de toga makke.)
..........................................
MET ELKE KLEUR WIL DE KERK IETS LATEN ZIEN
Er zijn vijf liturgische kleuren: wit, rood, paars, groen en zwart. Witte gewaden worden gedragen op vreugdevolle feesten: Pasen, Kerstmis en op bruiloften bijvoorbeeld. Rood op dagen dat het lijden en sterven van Jezus centraal staan, zoals Goede Vrijdag, of op de dagen dat zijn koningschap wordt gevierd. Ook is rood onder meer de kleur van de Heilige Geest. Paars is de kleur van de boete. Het wordt gedragen in de periode die voorafgaat aan het Kerstfeest, de Advent en in de veertig dagen tijd (de lijdensweek). Op alle andere dagen, als er niets bijzonders te vieren valt, wordt groen gedragen. Zwart zie je in ons land nog zelden. Het is de kleur van de dood en de rouw. In het buitenland is zwart wel gebruikelijk. Naast paars is in Nederland bij uitvaarten het wit, dat aan Christus’ opstanding herinnert, veel te zien.
DE TSJERKE BÛTENFERLJOCHTING.
Yn de donkere desimber moanne waard de BERLTSUMER TOER gauris ferljochte, wat betelle waard fan út it doarp. Sûnt 1997 hat de tsjerkfâdij om de Kryst hinne sels foar in eigen fêste ferljochting foar op de toer soarge.
UTRECHTS NIEUWSBLAD. 30- 7-1912.
Men seint ons uit Lemmer. Hedenmorgen is door de veldwachters de Vries en Hibma van BERLIKUM gearresteerd en gevankelijk naar Leeuwarden gevoerd L. de L. vroeger stationschef bij de Ned. Tramweg Mij te BERLIKUM, thans 2e klerk alhier, daar hij verdacht wordt van het plegen van ontuchtige handelingen. (Lippe Gerbens de Lang, 32 jier)
(Hy, L. de L. wie dus no de L . . .)
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
EARLIKE BERN.
Famke fan J. ... R. .... út de Bûterhoeke tsjin har muoike (it wie Y. J. Q. ): “Fine jo dy koekjes lekker muoike?”
Har muoike smult en seit: “Ja leave, dy binne oh sa hearlik”.
It Bûterhoeke famke is fernuvere: “Gek, myn mem sei dat jo hielendal gjin smaak hawwe”.
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE ÚTSNIENE HOUTEN DOOPSTANDER.
De útsniene houten doopstander foar it doopfet, út de 16de ieu ôfkomstich, yn de Koepeltsjerke is lykas de preekstoel ek makke troch Johann Georg Hempel.
DE GRUTTE HOUTEN KEARSESTANDER.
De grutte houten kearsestander foar de peaskekears yn de Koepeltsjerke is makke troch Matthé van Hout. Op dizze stander binne de alfa en de omega útsniën.
( Sjoch yn dit e-book by kaarsenstandaard ter nagedachtenis aan de overledenen.)
....................................
L. C. 4-7-1921
Op Woensdag 6 Juli ‘s namiddags 3 uur zal de voormalige Oliefabriek te BERLIKUM bij Boelgoed worden verkocht: zware takels met blokken en tooien, zware dommekracht, triaar, kamraderen, trap, sleden, kruiwagens, meelvakken, schoppen, timmergereedschappen enz. ..... .......
G. Heeringa, deurwaarder te BERLIKUM.
UTRECHTS NIEUWSBLAD.
7- 5-1921.
Men meldt ons uit BERLIKUM. De groote olieslagerij van de firma van der Mei en Co. te BERLIKUM is aangekocht door de N. V. Kunstmesthandel v/h C. Hulshof en Co. te Utrecht. Het plan is van het gebouw een fabriek van kunstmeststoffen te maken. (no Bûterhoeke húsnûmer 62)
(De pakhúzen fan de N.V. Noord Nederlandse Kunstmesthandel yn ‘e Bûterhoeke binne op 14 april totaal ôfbrâne.)
UTRECHTS NIEUWS BLAD.
9 – 7 - 1941.
Ds. J. Offers, (studint yn Kampen west en dêr ek berne en fan de âlde ôfskieden rjochting) Gereformeerd predikant te BERLIKUM, die zeer geruime tijd verhindert was zijn werkzaamheden te verrichten, is thans weer zover hersteld dat hij Zondag 20 July zijn gemeente weer zal kunnen dienen.
(Hy koe net mei de Berltsumer Grifformearden oerwei en dêrfoar ek al net mei syn foarige gemeente. Hy wie dêrfoar yn Dútslân (te Laar yn it Greefskip Bentheim) ek mar ien jier dûmny west en is letter, nei de Berltsumer perioade 1927 - 1946, help- en evangelisaasje dûmny wurden yn Sittard en dêr op 25-10-1969 hommels yn syn hûs ferstoarn.)
(Sjoch ek 71.)
UTRECHTS NIEUWSBLAD.
31-12-1947.
Herbenoemd tot hulppredikant te Lutterade - Treebeek.
(Plm 1930 is dêr in nije G.K. tsjerke stifte mei jildlike steun fan de Staatsmynen en de gemeente.)
J. Offers te BERLIKUM.
L. C. 2-3-1955.
De Gereformeerde kerken in de Mijnstreek, die van Heerlen, Lutterade en Treebeek werken op het gebied der evangelisatie reeds ruime tijd samen en hebben een centrale commissie. Sedert 7 jaar is ds. OFFERS aldaar evangelisatiepredikant. Deze centrale evangelisatie commissie kwam verleden jaar in contact met het Ned. Evangelisatie Comité, dat in “Het Brandpunt” te Baarn (no yn Doorn mei anneks Het Zoeklicht.) zijn zetel heeft en waarvan de heer J.(an) Kits één der leiders is. Met hem en met de heer Kessler, zendeling in Peru van de Livingstone Evangelisation, die tijdelijk hier ten lande vertoeft, werd de mogelijkheid van samenwerking in het zuiden des lands besproken. Aan de Gereformeerde evangelisatie werd een auto met geluidsinstallatie beschikbaar gesteld. Na overleg met de vereniging “Autozending in Nederland” stond deze organisatie een deel van haar arbeidsterrein in het zuiden aan het Gereformeerd evangelisatie comité af, nl. het gedeelte ten zuiden van de rivieren en noord België. Deputaten voor de evangelisatie van de evangelisatie in de Gereformeerde kerken voor het zuiden gingen met één en ander accoord, bepaalden dat ds. Offers als evangelisatiepredikant in dienst zou blijven van de Gereformeerde kerken en verklaarden zich bereid het werk te steunen tot aan de volgende particuliere synode van Brabant-Limburg. De kerken hebben een commissie “Auto”-zending” in ’t leven geroepen. Daarin heeft ook de heer Kits zitting genomen, alsmede één der deputaten. Van Heerlen uit wordt nu een campagne begonnen.
(Hjir yn de Minenkrite wie de bêste man better op syn plak. Offers hat dêr in protte goed wurk dien. Jan Kits wie letter mei van Johan van Oostveen (ek in evangelist) de inisjatyfnimmer ta it oprjochtsjen fan de Evangelyske Omrop. (E. O.) Jan Kits krige letter yn Útert in eredoctoraat.)
L. C. 19-9-1964.
De Grifformearde dûmny L. W. Muns is nei in lang tiid fan siik wêzen te Útert ferstoarn. Hy wie (noch mar) 44 jier âld. Hy is bekend wurden troch syn beriming fan de 150 psalmen út it Hebriuwsk en de 3 lofsangen út it Gryksk. Hy hat ek yn BERLTSUM stien (1947 - 1951).
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
IT MUORREBLOMKE.
Yn ien fan de Berltsumer discotéken sit in jong frommiske al de hiele jûn oan de bar.
Úteinliks komt der in tsjep jongfeint by har stean en har eagen ljochtsje op.
Hy bestelde in pypke bier, geat it bierglâs fol en naam in pear slokjes.
Hy seach har freonlik oan en frege: “Bisto noch frij foar dizze dûns?
Bliid antwurde hja fan: “Ja”. “Wolsto dan efkes op myn glês en pilske passe”.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
.
FRIESCH DAGBLAD
-------------------------------
Ds. (H.) Poelman (voorheen te BERLIKUM) wil naar Vrijgemaakte Gereformeerde Kerken.
(Van onze kerkredaktie.) (datum? De krante is fan it jier 1971 of 1972)
Ds. H.(arm) K. Poelman, (berne op 25-2-1919 te Delft en troud mei Yttje Tilma) heeft zich (yn 1970) met een aantal leden (mar 15 leden) van de Gereformeerde Kerk te Kamperland op Noord-Beveland onttrokken aan opzicht en tucht van de kerkeraad. Zij zijn voornemens contact te zoeken met de dichtbij zijnde Vrijgemaakte Gereformeerde Kerk, dat is de Vrijgemaakte Gereformeerde Kerk te Vrouwenpolder. De oorzaak van het zich onttrekken aan de Gereformeerde Kerk ligt in de huidige ontwikkeling van het gereformeerde kerkelijk leven. Ds. H. Poelman is in 1919 geboren. (op 25/2 te Delft) Op 20 juni 1948 werd hij bevestigd in Den Andel in Noord-Brabant. Op 9 oktober 1955 deed hij zijn intrede in Arnemuiden en 13 augustus 1961 werd hij verbonden aan de Gereformeerde Kerk te BERLIKUM. Ds. Poelman deed 14 januari 1968 intrede in Kamperland op Noord-Beveland. Nei syn emeritaat wenne hy wer yn BERLTSUM oan de Twibak/hoeke Kwekerijleane yn it wytstiennen hûs mei swimbad wat Willem Rintje ‘s Roersma (* bouwe litten hat. (Ds. H. K. Poelman ferstoar te BERLTSUM op 28-11-1993 en is begroeven te Loppersum.)
(* Willem en Pytsje Roersma – Belksma, de útbaters fan de eardere “Monty Bar” oan It Skil 3.)
DE TRIJE GLÊSRÚTEN.
De TRIJE GLÊSRÚTEN yn de Krústsjerke oan de Hôfsleane foarmje meiinoar in komposysje, in soarte fan trijelûk en symboalisearje de skepping, de sûndefal en de ferlossing troch it krús. Troch alle rúten rint libbensboarne mei de foarm fan in krús. Op it lofter glêsrút (fan binnen út sjoen) sjogge wy û. o. in sjiraffe en in grutte (see) fisk. Op it middelste glêsrút û. o. it earste minske pear. Twa hollen út ien lichem. Adam en Eva as út him nommen, steande by de libbens -beam en dêrûnder de slang dy ’t al sprekkende it minskepear ôflaat hat nei de twadde beam, de beam fan de fersiking. De kar tusken it goede en kweade. De wei geande mei God of sûnder Him. Op it rjochter glêsrút û. o. in fûgel en in lytse fisk. Op alle rúten sjogge wy de libbensboarne mei de foarm fan in houten krús, fan boppen útrinnende ta de libbensbeam. De beam fan it ivich libben, troch Kristus foar ús oan it krús befochten. Wy wienen ferflokt en wurde wer seinege as wy ús (be)kearje ta God.
it earste minske pear
sjiraffen
fûgel en in lytse fisk
Krústsjerke Berltsum
Hjir folget in beskriuwing (in bytsje oars as ik heard ha.) Er zijn drie glasramen in de oostgevel van de kerkruimte. Het aantal van drie werd gekozen om de ontwerp-kunstenaar de mogelijkheid te geven in deze eenheid van drie, af te beelden b. v. “Geloof–Hoop–Liefde” of de drie-eenheid “Vader–Zoon–en Heilige Geest”. Het aantal – drie - heeft verschillende betekenissen. De kunstenaar, dhr. Wisse te Vlissingen, een van onze medewerkers, heeft in deze drieëenheid het volgende ontworpen. “DE SCHEPPING. Het lijnenspel is een contrast met de strakke opzet van de kerk, abstrakt en gebogen gehouden. Het middelste glas stelt voor de eerste mens Adam, waaruit Eva is voortgekomen. Deze groei wordt voorgesteld door een “embryo” (het lichaam in wording). Die groei van Gods Schepping komt tot uitdrukking in het rechter paneel, de vorm van een ei, waarin eveneens een embryo. Het rechter paneel geeft de afbeelding van een giraffe en een lama (dieren op aarde). Het linker paneel een vogel in de blauwe lucht en een vis in het water (dieren in de lucht en in de diepten der zee) Deze laatste figuren geven dus aan het ontstaan van het dierenrijk. De planten in de schepping worden in alle drie panelen aangegeven door bomen. De boom achter de persoon van Adam in het middelste paneel heeft de vorm van het kruis, hetgeen wijst naar Christus (de tweede Adam), die het leven voor de Christenen mogelijk gemaakt heeft. Direkt na de schepping werd reeds de slang zichtbaar afgebeeld rechts van het middelste paneel (de duivel). Tot zover een korte uiteenzettingover de betekenis der glasramen.
(Jaarboekje 1985/1986 Gereformeerde Kerk. BERLIKUM.)
................................
IT SMYRNA MUORREKLEED (1987)
It smyrna muorrekleed foarstellende “It lêste jûnstmiel” fan Leonardo da Vinci is knope troch Liepie Quarré -Beimers.
It is de tsjerke oanbean by it 100 jierrich bestean fan de tsjerke.
HARRY MEEK (Eelke Everhardus (Harry) 1922-2012
Harry Meek, in Apeldoornse keunstner, wie tige aktyf belutsen by alles wat keunst oangiet. Foaral yn syn wenplak Apeldoorn en omkriten. Hy wie op 11-2-1922 yn Assen berne wêr’t syn heit in piano en oargelsaak hie. En noch altyd binne dizze ynstruminten ien fan syn grutte passys. Meek is ferantwurdlik foar in protte keunstwurken, skulptueren, wandplastiken, muorreskilderingen, mozaïken, wandkleden en oargelfronten yn skoallen, tsjerken en bedriuws- gebouwen. Sa is hjir yn ‘e hal fan de Krústsjerke ek noch in keunstwurk fan him te sjen, in muorreskildering foarstellende ynstruminten as in basfioele, in trompet en in oargel. Fierders sjongers mei harren partituer. Nei alle gedachten hat arjitekt Steen him hjir ek nei BERLTSUM ta helle.
Sjoch foar de STIFTING (14- 8-1887) en de SKIEDNIS fan de Grifformearde tsjerke it boek:
100 jaar – Gereformeerde kerk van BERLIKUM 1887 – 1987.
skreaun troch skoalmaster Floris Visser.
Âlde Griff. Tsjerke oan de Wiersterdyk. (No pension
De feriening fan de Ôfskiedenen en Dolearjenden fûn hjir plak op 28-8-1891. Hjir hat, foaral yn it begjin, by it beroppen fan Grifformearde dûmny ’s in protte strideraazje west oer it beroppen fan in dûmny. De oarspronklike ôfskieden groep woe it leafst in dûmny út Kampen hawwe. De oarspronklike dolearjende groep, in dûmny fan de V. U. út Amsterdam. De groep “Kampen” wie hjir folle fûler yn dan de “V. U.-ers”. (de “Feuten”) Sa is bgl. dûmny J. Offers fan “Kampen” hjir kommen. Dûmny Jan Offers, berne op 21-8-1900 te Sassenheim, op 10-6-1926 te Rotterdam troud mei Cornelia Alexandrina Stokdijk, wie hjir foargonger fan 8 maaie 1927 oant 1 jannewaris 1946. Hy siet yn it ferset en waard op snein 11 jannewaris 1941 (*, foar it te hâlden Hillich Nachtmiel, troch de Dútske besetters finzen nommen. Op 17 maaie 1941 wurdt hy al wer frijlitten en kin dan op 20 july wer oan syn wurk begjinne. Wêrom ’t hy oppakt waard koe ik net gewaar wurde en wêr ’t hy finzen sitten hie earst ek net. Letter fûn ik, dat hy yn Scheveningen finzen sitten hat yn it romrofte “Oranjehotel”. Hy wie mei 10 oaren fan in fersetsgroep oppakt en mei in oerfalswein nei Scheveningen brocht. Offers koe hjir mar min mei syn tsjerkefolk opsjitte. Hy waard op 17 desimber 1945 yn in offisjeel beslút hjir fan de Grifformearde tsjerkerie dan ek “losmakke” fan de tsjerke.
(* fuotnoat:
Nei alle gedachten sil de oanlieding dêrta west hawwe in fraach dy’t hy stelde, op fersyk fan de Ljouwerter fersetsorganisaasje, op in yn jannewaris 1941 hâlden A.R. gearkomst. Hy frege dêr oan âld-premier Hendricus Colijn, omdat de mienings dêroer tige ferdield wienen, hoe’t hy tocht oer it wapene ferset. Colijn soe wapend ferset doe mei klam ôfrieden hawwe omdat men syn eigen libben en dat fan oaren net ûnnedich yn de weagskaal stelle mocht.
SITPLAKKEN ferhier.
Om oan jild te kommen waarden der ek wol sitplakken ferhierd. Hjir is dat yn BERLTSUM ek bard yn de Grifformearde en Herfoarme tsjerke. It heucht my noch, dat yn de Grifformearde tsjerke in ljochtsje baarnde en dan letter 5 minuten foar de tsjinst útgie om oan te jaan dat de sitplakken fanôf dat momint frij wienen. Ik ha dit yn de Herfoarme tsjerke hjir net mear meimakke, dizze tsjerke hie it sitplakferhieren al folle earder ôfskaft.
(Wite rútsjes op twa stuollen yn de Grutte tsjerke docht ús noch weromtinken oan it ferhieren fan de sitplakken dêr. It wie yn de tiid fan de rjochtingenstriid. De dûmnys fan de trije rjochtings preekten yn wikseltsjinsten yn de Grutte tsjerke, de Wester tsjerke en de Galileeër tsjerke. Sitplakferhier per jier wie dus ûnfoardielich. Fan 1892 oant 1930 koe dêrom op snein yn eltse tsjerke by de yngong in stuolkaartsje kocht wurde. Der wienen ek “tsienkaartenboekjes mei reduksje te keap. Yn 1919 wie it tarief foar in stoel mei in wyt rútsje fl. O,10 )
Yn de VRIJE FRIES fan 7- 6 -1902 is it folgjende te lêzen:
SURHUISTERVEEN – De zitplaatsen in de Gereformeerde kerk werden gewoonlijk flink betaald. Dochs it skynt, no ’t dûmny G. J. Breukelaar it berop oannommen hat, dat men fol goede moed is, want by de healjierlikse ferhiering op de twadde Pinksterdei stegen dizze sitplakken noch mei 100 gûne.
(In graach sjoene en winske dûmny koe dus somtiden ek noch wat ekstra jild opsmite.)
Yn BERLTSUM brochten bgl. de sitplakken yn de Koepeltsjerke yn 1866 fl. 540,- op. Yn 1868 fl. 532,90,-; yn 1873 (nei de komst fan dûmny Swijghuisen Reigersberg fl. 181,35; yn 1876 fl. 164,85; yn 1882 (nei de komst fan dûmny H. Hoekstra) fl. 1505,-; yn 1883 fl. 1273,- en yn 1886 fl. 1347,-
L. C. 28-9-1903.
Voor de Gereformeerde gemeente (moat wêze: kerk) te BERLIKUM was donderdagavond een plechtige ure. Ruim 14 jaren had het kerkgezang zonder instrumentale begeleiding plaats, maar nu werd Psalm 138 aangeheven onder de heerlijke tonen van het nieuwe, in streng Gotischen stijl gebouwde, orgel. Verheffend was de indruk, welken het gevoelvolle spel van den heer J. H. Bos, organist te Leeuwarden, op de toehoorders maakte. Welk een mengeling van tonen, welk een afwisseling van geluiden werd het orgel ontlokt. Vooral bij het orgelspel van den 150ste Psalm kwam dit uit toen door den organist de verschillende registers getrokken werden.
L. C. 1-2-1949.
I. v. m. te weinig plaatsruimte heeft de kerkeraad der Gereformeerde kerk te BERLIKUM besloten de KRAAK te vergroten. Hierdoor zullen ruim 60 zitplaatsen meer worden verkregen.
L. C. 26- 4-1968.
GEREFORMEERDE KERK TE BERLIKUM VERKOCHT.
De voormalige Gereformeerde kerk met bijgebouwen en de daarbij behorende pastorie (oan de Wiersterdyk húsnûmer 17) te BERLIKUM is gisteren verkocht voor fl. 32.990, - aan de heer S. Rosendal uit Scharnegoutum. Het bod was met fl. 1, - verhoogd. De kerkzaal is 240 m2 (20 x 11 m) groot en de grond (erf en tuin) resp. 14.90 en 18.40 are.
(De tsjerke wie op 24-11-1889 yn gebrûk nommen. Hjir stie earder de pleats fan de widdo J. B. Roorda. Dizze is troch de “Feriening Tsjerklike Kas” oankocht. De tsjerke is op de fundaminten fan de ôfbrutsene pleats boud. It ienklaviers oargel mei njoggen stimmen wie boud troch oargelbouwer L. van Dam foar fl. 1600, - en waard op 24-9-1903 oplevere. De pastorije, no ”Pension Welgelegen,” is yn 1908 boud. De tsjerke is yn 1926 ferboud en útwreide. Yn 1949 nochris.)
Âlde Griff. skoalle(C.N.S.) mei skoalhûs
De “Krústsjerke” fan BERLTSUM is boud troch arsjitekt STEEN.
Hy is ek de bouwer fan de Grifformearde tsjerken fan Garyp, De Westereen, Damwâlde, Makkum, Britsum en fierder fan tsjerken yn Almere, Amsterdam, Zoutkamp, Leersum, Eindhoven, Hippolytushoef, Venlo, Haamstede, de Adelaar tsjerke yn Ljouwert (1972) etc. ..... ...... De Krústsjerke stiet op it plak fan de eardere C. N. S. skoalle. Yn de folksmûle de grifformearde skoalle neamd. Op woansdei 23 novimber 1966 koe de foarsitter fan de boukommisje de troch boubedriuw Westra út Frjentsjer boude nije tsjerke oerdrage oan de tsjerkerie en de gemeente en dûmny Harm Klaas Poelman (* hâld de earste preek yn de nije tsjerke. Op 31- 1-1969 is it nije oargel feestlik yn gebrûk nommen troch de bekende oargelist Piet van Egmond. Yn 1986 wurdt op 28 oktober besletten om in lift yn de tsjerkeseal oan te bringen. Yn july 1987 wurdt mei it wurk begûn. De kosten wiene rûst op neiernoch fl. 100.000, -
Fuotnoat:
(* Dûmny H. K. Poelman is letter nei de saneamde Frijmakke grifformearde tsjerke (art. 31) oergien.)
Arsjitekt Gerrit Steen is berne yn 1916 en stamt út in bouwers sibbe. Syn pake Gerrit wie oannimmer yn Marrum. Syn neef Gerrit Tuinhof, mei Steen assosjearre, hat “it” ek yn de famylje. Hja startten in arsjitektenburo yn Dokkum en sûnt 1959 sit it buro yn Ljouwert en draacht de namme: “Achitecten bureau Steen & Tuinhof ”. (Sjoch de L. C. fan 9-8-1967 ....... de rumte moat de minske op ‘e knibbels bringe”. )
DE WET OP DE TSJERKEGENOATSKIPPEN.
Yn 1853 wie de Wet op de Tsjerkegenoatskippen yn wurking gien en dizze wet bepaalde ûnder oare dat gjin nije tsjerken boud wurde mochten binnen in striel fan 200 meter fan in besteande tsjerke. Dit om it fersteuren fan de godtsjinstoefening troch it kloklieden en it fersteuren troch de sang te foarkommen. By de bou fan de tsjerke op de Kamp joech dit gjin swierrichheden tsjinoer de Herfoarme tsjerke omdat de ôfstân mear as 200 meter (ellen as yn de wet foarskreaun) is. By de bou fan de tsjerke oan de Hôfsleane lei dit efkes oars. De nij te bouwen tsjerke soe binnen in striel fan 200 meter fan de Doopsgesinde tsjerke yn de Vermaningstrjitte húsnûmer 3 komme te stean. Hjir moast oerliz plak fine tusken de beide tsjerken. Dat de tsjerke der dochs op dit plak kommen is jout oan dat de Berltsumer minnisten net minsken wienen dy ’t de konfrontaasje sochten mar it oerliz. Op in protte oare plakken is dat wolris oars útpakt. Foaral tusken Protestanten en Roomsken hat dit yn it ferline op somlike plakken wolris reboelje jûn.
UILKE REITZES. (leke- of ek wol neamd leafdepreker)
Uilke Reitzes (Dijkstra) fan Damwâlde, de op 7-5-1756 te Damwâlde berne soan fan ien fan de fjouwer lekeprekers dêr, t. w. Reitze Saakes, wie krekt as de measte Doopsgesinden Patriot en makke nei oanlieding fan de gelykstelling fan alle tsjerkemienskippen yn 1795 it folgjende fers:
OAN MENNO ’s FOLK YN FRYSLÂN.
Aan Menno’s volk in Friesland
Na lang verdrukt door dwingelandy
Zyt gy verlost, geniet tans vry
Na ook het regt, dat ieder mensch
De Schepper gaf, dit was uw wensch.
Verblydt uw dan o Menno’s schaar
Nu gy uw recht, verbindt ook daar
In ‘s Heeren Huis, waar gy verrigt
Uw dienst aan God daartoe gestigt.
L. C. 7 -10-1995.
Trommelen met schenkelen van Maria Louise.
-------------------------------------------
Regnerus STEENsma: HET FRIESE KERK INTERIEUR.
Oer de Grifformearde tsjerken.
Van die laatste stroming valt de dodelijke saaiheid op van moderne kerken in BERLIKUM, Leeuwarden en Damwoude met enorme kerkMUUR oppervlakken alle ontworpen door de man met de toepasselijke naam G. STEEN.
(Boppeneamde Regnerus Steensma (Turns 1937 – 2012 ) studearre teology oan de Ryks-universiteit fan Grins. Yn brede kring is hy algemien bekend as deskundige by utstek op it mêd fan tsjerkebou en tsjerkeynterieur. Hy hat hast twahûndert publikaasjes op syn namme stean. Yn 1966 ferskinde syn boek: Vroomheid in hout en steen, oer de midsieuske tsjerken yn Noard-Nederlân, dat folle werprintings belibbe. Fanôf dy tiid wie Steensma in autoriteit op it mêd fan tsjerkebou en tsjerkeynterieur. Yn de tachtiger jierren besteege hy in protte oandacht oan de spanning tusken liturgy en monumintensoarch, dat útrûn yn it boek Opdat de ruimten meevieren. Syn op ien nei lêste boek: De koorbanken in de Martinikerk te Bolsward en hun Europese context, ferskinde yn juny 2012.)
Der kaam yn de KOEPELTSJERKE okkerdeis in ÂLD BUORDSJE boppe wetter.
Hjirop is it folgjende te lêzen:
Ieder wordt verzocht in de kerk niet te pruimen, noch te rooken. Indien zulks plaats vindt wenschen kerkvoogden er mee in kennis te worden gesteld. It hinget no efter yn de Koepel-tsjerke oan de muorre tusken de beide hearebanken. (Oh, dy earme ferslave Berltsumers no ek noch (kaugom)prúmkers en ..... ..... no ek noch (hasj)smokers.)
Oan de oare kant fan it boardsje:
Ieder wordt verzocht zorg te dragen dat in de kerk het houtwerk niet wordt beschadigd of bemorst. Indien zulks plaats vindt wenschen kerkvoogden gaarne daarmede in kennis te worden gesteld.
L. C. 9-2-1847.
Aanbesteding by gesloten briefjes, van het afbreken van een oud en het opbouwen van een nieuw huis, voor de diaconie te BERLIKUM; met bylevering van materialen enz. Waarvan tekening en bestek ter inzage liggen by A.(uke) L.(ourens) van der Meij (mr. timmerman) aldaar en de briefjes moeten franco ingeleverd worden vóór of op den 18 Februarij e. k. by K.(laas) T.(eake ’s) Lautenbach, mede aldaar.
(Foarhinne it diakonijehûs op de Terp, no de twa wenhuzen de húsnûmers 8 en 10.)
L. C. 24 -5-1985.
N. C. R. V. ’s “Kerkepad” twee keer in FRIESLAND.
Leeuwarden. - Het populaire N. C. R. V. programma “Kerkepad” brengt deze zomer gedurende twee keer twee weekenden vele duizenden bezoekers naar Friesland. ...... ........ op 24 en 31 augustus leidt de tocht langs Sint Annaparochie, Stiens, BERLIKUM en Beetgum. De televisie- opnamen voor de beide routes zijn afgelopen maanden gemaakt. etc........ ...... ......
(foto) + (fideo film) In protte besikers wienen samler fan op papier printe âlde tsjerkestimpels.
(Yn BERLTSUM kamen eltse sneon sa ’n 5000 besikers op “Tsjerkepaad” ôf.)
Sjoch ek filmkes: N.C.R.V. Kerkepad en Kerkepad troch Watse Posthumus
L. C. 4-10-2002.
Kerkelijk jeugdwerker trekt ook de wijk in.
Een jongeren werker die wordt betaald door de kerkelijke en burgelijke gemeente. Een unieke aanstelling. Ali Stork (út BERLTSUM en troud mei Gerard Popke ‘s Schram) heeft zo ’n aanstelling in de S. O.W. gemeente in de Leeuwarder wijk Cammingaburen etc. ...... ........
(Hja wurket no as pastoraal meiwurker yn de P. K. N. gemeente fan Dronryp.)
Foto: Ali Stork.
L. C. 7-7-2001.
TEGENSLAG BIJ GRONDKOOP TUINBOUWCLUB BERLIKUM.
BERLIKUM - De Stichting Tuinbouwontwikkeling Friesland heeft opnieuw een tegenslag moeten incasseren bij de grondwerving in het kassengebied bij BERLIKUM. In kort geding heeft de president van de Rechtbank Willem Hangelbroek geoordeeld, dat de Hervormde Gemeente BERLIKUM een omstreden stuk grond in het gebied voorlopig niet hoeft te leveren aan de T. O. F. Volgens de stichting was er een koopovereenkomst over de grond die bestemd is voor woningen t. b. v. de kas eigenaren. De Hervormde Gemeente ontkent dat. Volgens de rechtbank president moet de T. O. F. het bestaan van de koopovereenkomst BEWIJZEN in een bodemprocedure. In zijn vonnis zegt hij echter te betwijfelen of de T. O. F. daarin zal slagen aangezien de enige getuige van de betwiste mondelinge overeenkomst om gezondheidsredenen niet meer gehoord kan worden.
(Oangeande it perseel grûn (boulân), foaroer de terp “Marsma” neist de Wettertún, yn eigendom fan de tsjerkfâdij, en no brûkt troch Eeltsje Sjoukes Osinga.)
Dit stik lân lei binnen it bestimminsplan “doarpsútwreiding”, wêrtroch foar it lân, by ferkeap troch de tsjerkfâdij, in folle hegere keappriis frege wurde koe. Omdat de gemeente MENAMERADIEL oan de kant fan de “Stichting Tuinbouwontwikkeling Friesland” stie, waard it “bestimmingsplan” (fansels) no samar ienienen wer fan it lân ôfhelle.