BERLTSUMER

SNIKKEN EN PREAMEN


Yn BERLTSUM waarden fan âlds al houten boaten boud en restaurearre.


SNIKKEN EN PREAMEN

SNIKKEN EN PREAMEN

BERLTSUM hat hiel wat hellinkjes hân yn it ferline. Ien dêrfan wie de Diakonijehelling fan de Herfoarme tsjerke op de Kamp, by húsnûmer 23 wêr ‘t no A. Struiksma wennet, en dêrfoar wenne hjir de Berltsumer “sneuper” Bindert Gysberts Bosma. Hoe de Diakonije oan de helling kommen is, koe ik net neigean. Fan de hier waarden de Berltsumer earmen bystien of gehiel ûnderhâlden. Oan it ein fan de 18e ieu wie in Johannes Wytze ’s de Haan (plm. *1762-/st. Yn 1832), troud mei Sjieuwke Gerrits, hierder fan dizze Diakonije helling mei de houten timmer-loads en it hûs dy ’t dêrby hearren.

Letter siet hjir fanôf ca 1818 oant 1850 op dizze helling Sijds (Sieds) Johannes Bijlsma (op 28-5-1786) boaske mei Trijntje Ruurds Bergsma (b. 25-7-1789) en beide ôfkomstich fan Warten). Syds hie yn Warten ek noch in skûttimmerwerf mei trije wenten dy’t hy op 5-7- 1825 ferkocht hat by in akte ferline foar notaris H. Cannegieter te Grou. (Dizze werf wie fan syn om 1750 hinne berne heit Johannes Syds Bijlsma, troud mei de dêr letter yn ‘e âldens fan 66 jier yn 1823 stoarne Tietje Tijses, west) Sijds Johannes Bijlsma wie hjir ek noch hellingbaas op in helling yn de Bûterhoeke oant syn ferstjerren yn 1872. In soan is letter (wer) nei Warten ferhúze. (Syn heit Johannes Bijlsma, skûtemakker, wie berne op 15-12-1813 te Warten.)

Jacob Bernardus van Manen

Noch wer letter om 1847 hinne is Jacob Bernardus sr. van Manen hjir yn BERLTSUM op de Diakonije werf kommen te wenjen fanút Boalsert wei. Hy wie berne op 6- 5-1817 as de soan fan Bernardus Teade’s van Manen en Antje Bernardus Hesselius. Om 1872 hinne is troch de bruorren Jan en Bernardus van Manen in besteande werf yn de Bûterhoeke oankocht fan de erven Johannes Sydze ’s Bijlsma, stoarn op 7-4-1872. (Op it plak neist en beëasten fan wêr ‘t no de winkel op húsnûmer 62 fan “Agra Totaal” fêstige is.) De werf waard op 17-11-1876 te keap oanbean mei of sûnder de dêrby hearrende 4 wenten. De kondysjes leinen (by de ferkeaper) A.(uke) J.(ans) van der Meij om yn te sjen. De werf fan van Manen stie yn de N. W. hoeke fan Fryslân as tige bêst bekend, foarâl op it Bilt. Âlde gerniers en fiskers wisten de werf wol te finen want de rom fan de werf gie as diggelfjoer yn dizze hoeke fan Fryslân. Hjir binne in soad snikken en preamen boud. De boaten waarden mei mallen, mar foarâl “op it each“ boud en yninoar set. De Diakonijehelling mei it hûs is troch de diakonije yn 1877 ferkocht oan Lammert Ysbrands Brouwers.

Snikken hienen yn it algemien mar lytse roefkes om te skûljen. Men wenne der net. Troch syn foarm is de snik tige geskikt foar it nauwe farwetter fan Fryslân mei de protte fêste brêgen en slúzen.

Der leinen om 1900 hinne dan ek hiel wat preamen en snikken yn al dy haventsjes dy ‘t it doarp BERLTSUM destiids ryk wie: de Mûnehaven, de Iebeltsjehaven, de Brouwershaven en de Skoalmastershaven, de Koerkaai(en), letter it Dok neamd, de Algemiene opslach (by de Piip) ensafuorthinne. Der wienen grif wol hûndert preamen en snikken yn BERLTSUM. Letter om 1893 hinne, binne op de werf ek izeren boaten boud. Ien fan dizze earste izeren snikken, sa net de earste, is kocht troch de skipper J. J. Kuipers út Hasselt. Hy is letter, op oantrún, mei syn soan ek skipsbouwer wurden û. d. n. “Jacht en Scheepswerf Kuipers” te Giethoorn. Yn sept. 1910 is Jan der út stapt en hat Bernardus de saak allinne fuortset. (Sjoch L. C. 13- 5-1966. Frisia: nieuwe boeier op de Friese wateren.) Yn 1914 waard by van Manen de earste izeren pream ôflevere.

Pream

Ierpel-snik

Der waard hjir yn ús omkriten in soad farre mei ierpels, grienten etc. De âldste snikfaarder te BERLTSUM (KLEASTER - ANJUM) dy ’t ik tsjin kommen bin wie in Dirk Louwes yn 17- 8-1692. Hy is doe boarger wurden fan Dokkum. De snikken en kleipreamen waarden ek in soad brûkt foar grûnferfier (terpgrûn en grûn foar de tichel- en stienfabrieken dy ‘t û. o. ek yn BERLTSUM stien hawwe t. w. it “âlde” by de brêge en it yn 1936 op ôfbraak as lêste ferkochte saneamde “nije” tichelwurk oan de Tichelersdyk) en foar de fiskerij op de Waadsee. De snikke is de foar-rinner fan it skûtsje en koe befarre wurde op ûndjippe wetters lykas de Waadsee en op net sa brede sleatten en marren. Der wienen dekte en net dekte snikken. Snikken dy ’t bewenne wienen joegen net folle romte foar bewenning. De namme “snikke” is nei alle gedachten ôflaat fan it Latynske “snacca”. Ek de Berltsumer beurtskippers dy ‘t farren op Ljouwert, Harns en Frjentsjer makken gebrûk fan in snikke. In protte Berltsumer de Haanen wienen skipper. (stamheit, skipper Andries is berne te Seisbierrum op 25-701797). Sape Andries de Haan bgl. hie in steamboat by it (âld) tichelwurk lizzen mei in tsjinst op Ljouwert v. v. (1882). Sa fear bgl. Klaas H. de Haan mei syn snikke “de jonge Andries “oant 1894 ta op Snits v.v. Dizze snikke wie yn 1890 yn Frjentsjer boud. Nei de oanliz fan de ôfslútdyk wie it dien mei de hearring fiskerij op de Waadsee en mei de komst fan de frachtweinen en it spoar en de grutte konkurrinsje, is Jacob B. van Manen jr. letter oergien op de bou fan lânboumasines foar de buorkerij en oare agraryske bedriuwen. Om 1937 hinne is de lêste ikenhouten hearringboat en yn 1938 de lêste snikke yn BERLTSUM boud. Om 1977 hinne is efter it wenhûs (Anna – Dirk) oan de Bitgumerdyk 7 in grutte konstrjuksjebabryk boud

BERLICUM.

Rederij / Firma Gerrit van Hoogstraten te Dordrecht.

De sibbe van Hoogstraten behearde ta de Waalske tsjerke en wie yn 1590 nei Dordrecht flechte út Flaanderen fanwege godtsjinstferfolging. Yn de 18de ieu wienen Jacob Staets (Staes) en Gerrit van Hoogstraten bekende reders fan seeskippen yn Dordtrecht as:

De fluit “Rijnoord” 846 ton. De fluit “Fortuin” 728 ton en de fluit “BERLICUM” 846 ton.

Al dizze trije skippen waarden ferhierd oan de V. O. C. te Amsterdam foar de feart nei East-Ynje fanôf it jier 1783.

Hoe ’t de fluit “BERLICUM” oan syn namme kommen is, is my in riedsel. Moat ik hjir miskien ek tinke oan it Brabantske doarp BERLICUM. (It skip, ek skreaun as BERLIKUM, wie partikulier eigendom en waard ferhierd oan de V.O.C.)

L. C. 8-10-1796.

DE ARM-VOOGDEN te BERLICUM praesenteren uit de hand te Verkopen: een SCHUITE, lang 52 voet, wyd en hol na advenant, voorzien van Luiken, Bomen, Planken, Zeilen en Fokken, leggende thans by de Helling aldaar.


L. C. 16-6-1882.

De Stoomboot BERLIKUM vaart te beginnen met Vrijdag a. s. en vervolgens geregeld morgens 7 uur, van de Mooije Paal over BERLIKUM, Menaldum naar Leeuwarden.

De ondernemers, Boomsma en Born.

(Sa komme yn it Dossier Verkeer over het Water fan de Steaten fan Fryslân (1900-1918) de hjir te BERLTSUM fêstige Steamboatûndernimmings û. o. ek de nammen foar fan D.(ouwe) de Geele mei it steamskip “De Koopmans Welvaren” en S.(ybren) van Gelder mei it steamskip “De Koop -handel” Sûnt 1884 liet de yn Ljouwert wenjende Gorrit de Boer in steamskipferbining ûnder- hâlde tusken Ljouwert en BERLTSUM mei in tuskestop yn Menaam by de herberch fan Stapen -sea. It wie de steamskroefboat mei de namme “Delphijn”. )

L. C. 23-1-1950.

FRYSKE AKADEMY harke nei in lêzing oer fiskerij by âlds.

S. J. van der Molen spriek oer fiskjen op it Waed en yn de Noardsee. De ynlieder joech gâns bysûnderheden oer de fisk-, hearring- of seeboaten, tusken 1850 – 1935, by hûnderten makke by de VAN MANENS to BERLTSUM, oer it fiskjen ect. ....... .......

(foto: Biltske fiskerlju fan de WESTHOEK mei har hearringboaten yn see, nei in âld printkaert. Hearring wie haadsaak, alle oare fisk waard “byfisk ”neamd.)

L. C. 18-10-1952.

HARINGBOTEN: onbehouwen en log maar opgewassen tegen de elementen.

Gewapend met een vaarboom leverden de waddenvissers strijd met wind en golven. De “hearringboat” behoort tot een uitstervend ras waarvan de vertegenwoordigers eenmaal langs de gehele Friese Waddenkust, van Flie tot Eems, verspreid schijnen geweest te zijn. De bootjes werden oorspronkelijk gebruikt voor de visvangst, vlak onder de kust in het bijzonder op haring en anjovis. Toen de haring– en anjovisscholen steeds meer wegbleven, betekende dit tevens het einde van de merkwaardige vangwijze, die de Friesche kustbewoners de eeuwen door tot steeds grotere volkomenheid hadden ontwikkeld. Daarmede was ook het lot bezegeld van de scheepjes die men daarbij had gebruikt. De laatste haringbootjes werden in de twintiger jaren van de vorige eeuw afgeleverd en zij hebben de strijd tegen weer en wind nog niet opgegeven. Maar binnen enkele jaren zullen zij zijn verdwenen, op de HA 27 na, die door het Zuiderzeemuseum te Enkhuizen is aangekocht. Wil men er geen afzonderlijke reis voor naar Enkhuizen maken, dan kan men dergelijke haringbootjes nog aantreffen in de Harlinger haven alsmede aan de dijk bij Koehoal. (* Ook vonden wij een exemplaar in gebruik bij de zijlmeester van Fimel aan de Dol- lardkust. Mogen de haringbootjes dus nogal eenvoudig van bouw lijken, de kustvissers stelden er vele eisen aan. Een bejaarde visserman van Koehool verzekerde ons, DAT ALLEEN EEN WERF IN BERLIKUM de ware kunst verstond van het bouwen van haringboten. Het was ook niet langer ieders werk om met deze bootjes om te gaan etc. ..... .....

(* Fuotnoat:

KOEHOAL: De terp wêr’t dit gehucht flak efter de seedyk op leit bestie al foar 1200. It gebiet waard doe “it âlde dal” neamd. Doe’t de Middelsee noch bestie wie hjir in trochgong foar de skipfeart fanôf it eilân Skylge fia Furdgum en BERLTSUM oer de Middelsee nei Ljouwert ta. (By it binnenfarren hjir koe men ek de havenjilden oan Harns besparje). Dizze iepening yn de seedyk is mooglik mei de Alderheljenfloed fan 1570 tichtset. (Koehoal, is wierskynlik ôflaat fan < kâld hoal (Kolder holt) < siichgat < waaigat. Mar in hol wie ek in ynham, in djipte, delte of lege wâl wêr’t skippen skûlje koenen. *) Eartiids stienen hjir folle mear huzen. By de útfiering fan de Deltawurken (1975) moasten in protte huzen, de hiele Waaddyk bylâns, ôfbrutsen wurde, omdat foar de nije, hast10 meter hege dyk, folle mear romte nedich wie. Ien fan dizze (fiskers)wenten t. w. Sédyk 5 by Koehoal is oerbrocht nei it Súderseemuseum yn Enkhúzen. Ek stiet hjir in monumint “de Waadfisker” foar de hjerringfiskers, dy ’t ús tinken docht oan de heechtiidsdagen fan de hjerringfiskerij oan de Waadsee. Dit byld is makke troch te Hegebeintum wenjende en wurkjende byldhouwer Frans Ram. Hy hat ek it byld fan “de Slikwurker” by Swarte Hoarne makke.

*) L. C. 7-5-1757.

De gecommiteerde Raaden ter Admiraliteit in FRIESLANDT; notificeeren mits deezen, dat van voornemen zyn op 20 May aanstaande, des morgens ten tien uur, in het Collegie aan te besteden het arbeidsloon van een OORLOGSCHEEPS-HOL, waar van de Conditien en Articelen aan ‘s Lands magazyn zullen wezen te vinden. (Hjir fine wy de namme HOL ek werom. De namme SCHIPHOL komt hjir ek fan. Schiphol leit ommers yn de eardere Haarlemmermar.)


SÚDERSEEMUSEUM ENKHÚZEN.

Friese snik 'Grietje'

Yn it Súderseemuseum yn Inkhúzen leit no noch, yn it oerdútsen part fan dit skipfaertmuseum, de saneamde Schepenhal, de snikke mei de namme “Grietje.” Dizze om 1865 hinne yn BERLTSUM (?) boude (jirpel)snikke is û. o. fan Lolke Tjipke ’s Lolkema west dy ’t yn grienten en jirpels hannele. Syn soan Pieter Lolkema hat letter in timmerbedriuw hân op de terp yn it pân no bekend as Vermaningstrjitte húsnûmer 20 wêr’t no âld-timmerman Lourens van Dokkumburg wennet. Lolke ’s pakesizzer Hendrikje (Henny) Lolkema, de dochter fan niisneamde Pieter Lolkema en Aafke Hendrik ’s Posthumus, dy ’t letter troud wie mei Douwe Jacob ’s van Dijk, jirpelhanneler hjir, mocht as lyts famke wolris mei har pake en beppe meifarre nei Ljouwert ta nei de Berltsumermerke dêr. Pake Lolke oan it roer en de op 20-2-1868 berne beppe Grietje Lolkema-Hacquebart somtiden yn de beage. De oare soannen fan Lolke Lolkema en Grietje Pieter ’s Hacquebart wienen Tjipke (Tsjip en Jannigje) en Jan Lolkema (Jan en Anna). De opfolgjende eigners wienen soan Tjipke Lolke ’s Lolkema (foar in koarte tiid), en letter Wytse Jacob ’s Tuinenga, troud mei Hinke Dusselaar, (doe wenjende Kruisstraat foarhinne nûmere 47) tegearre mei syn swager Albert Sake ’s Dusselaar. Wytse is letter emigrearre nei Nij-Seelân en Albert hie hjir letter in frachtwein. (Boadetsjinst) De houten garage stiet no noch yn de Jacob van Tuinenstrjitte tusken de húsnûmers 5 en 7. (Sjoch de foto yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 224) De snikke hie earst de namme “Repos d’ Ailleurs” en wie earder yn eigendom west fan Tjerk Gerrit ’s Elsinga, (Tsjerk en Dieuwke) dy ’t ôfkomstich wie fan Minnertsgea en yn ierappels hannele. Hja wienen troud yn 1906 en hienen it skip kocht. Letter hat hy it skip wer ferkocht en is hy boer wurden yn it Berltsumer KLEASTER - ANJUM.

(sjoch: BERLIKUM Beeld van een dorp side 224. Foto: Frachtrider Albert Dusselaar (1886-1952) foar de houten autogaraazje tusken de húsnûmers 5 en 7 oan de Jacob van Tuinenstrjitte.)

Op oare plakken yn Fryslân waard mei de snikke û. o. fisk, bûter en tsiis mar ek wol dong ferfierd. Om 1795 hinne wie Pieter Sjoerd ’s (Peterzon) hjir û. o. skipper. M. Steensma hie hjir letter in steamskip mei de namme de “Koopmans welvaren”. Yn de haven fan Súdlaren lei altyd, en miskien ek no noch, by de âlde mûne “De Wachter” de “Jansje Geertruda”, dy ’t om 1925 hinne boud is yn Fryslân. (BERLTSUM). Jacob H. Ruiter wie, oan syn dea yn 1882 ta, hjir turfskipper te BERLTSUM mei it tjalkskip “De jonge Hendrik”. Yn Fryslân farre no noch mar in pear snikken. Yn 1908 liet turfskipper Liebrig Aukes Tolsma te Briltil e. o. by Barkmeijer in skip bouwe mei de namme “Nieuwe zorg”. Turfskipper Dirk Willems Reinouts liet te Snits by Barkmeijer in skip bouwe mei de namme “De lastdrager” (*. Yn Frjentsjer wie ek in werf, dy fan skipsbouwer Draaisma. Wouter de Roos út BERLTSUM liet dêr yn 1905 in skip bouwe mei de namme “De twee Gezusters” (**. De hearen H. Born en A. Bosma út BERLTSUM lieten dêr yn Frjentsjer destiids tusken 1920 - 1925 in snikke bouwe fan 16 ton. (mei de namme “Anne”) Hjir is no noch in tekening fan oanwêzich yn it Frysk Skipsboumuseum te Snits. Jan Postmus fan BERLTSUM liet dêr in iel(fiskers)aak bouwe. De tekening idem dito. Yn dit museum stiet noch in spantenbûger, in ponsmasine (1900 - 1925) en in plaatknipper (1900) dy ’t brûkt waarden yn de skipsbou en ôfkomstich binne fan de werf fan van Manen. Ek binne dêr noch twa werfplaatsjes te sjen fan van Manen.

Spantenbûger

ponsmasine en plaatknipper (1900-1925)

Yn 1817 wienen bgl. Wytze Joh. de Haan, en yn 1820 Yme Daniël ’s van Schepen, beide ek al eigner fan in snikke. Yme Teake ’s Appelhof hie yn 1828 in kofskip. Klaas Johanne ’s Werkhoven ferkeapet yn 1815 in snikskip oan Tjeerd Pieter ’s Peterzon. Yn 1827 ferkeapet Tjeerd Pieter ’s de snik wer oan Arjen Jelle ’s de Vries te BERLTSUM. Yn 1832 ferkeapje Horatius en Klaas Jelle ’s Lautenbach in noch gehiel nij en sterk timmere snikskip mei de namme “De Hoop” oan in Jacob Rommerts Boomsma fan Frjentsjer foar fl. 305,-. Yn 1874 is Auke Auke ‘s Tolsma hjir turf- skipper. It skip, sa is my oerlevere, hie wierskynlik de namme: “Totub” (Tolsma Turf Berlikum) Hy wie troud mei Jetske Jarigs Winselaar. Fan harren soan Sjoerd Aukes Tolsma, troud mei Elske Schat, stamme (*** guon Berltsumer Tolsma’s ôf. Fanwegen syn swakke rêch stapte Sjoerd, as skippersfeint by syn heit Aukes Aukes Tolsma, fan it skip en gie yn de lear by de horloazje- en klokkemakker Jacob Stoffer, troud mei Dirkje Maria Witteveen, dy ’t wenne om 1850 hinne op no de Buorren húsnûmer 4. (it hûs mei de wizerplaat yn de foargevel) Nei syn oplieding kaam hy dêr yn tsjinst as klokkemakker. Syn broer Librech bliuw op it skip fan syn heit en driuw letter yn de Brouwerssteech (efter “it Piipskoft”) in brânjehannel. Liebrig Aukes Tolsma liet yn 1908 te Briltil e. o. in skip bouwe by Barkmeijer mei de namme “Nieuwe Zorg”. Syn lêste skip (fan plm. 35 ton), dat om 1925 hinne boud wie op de werf fan C. Amels te Makkum, hie de namme: “Nieuwe Zorg”. Dr. W. F. Duisenberg (1935-2005), presidint fan de Nederlânske Bank (1982 -1997) en de earste presidint fan de Jeropeeske Sintrale Bank (1998-3003), is yn de jierren tachtich fan de foarige ieu eigner fan dit skip west. (Syn pake en nammegenoat Willem Frederik Duisenberg is op 9-4-1865 berne te Menaam, wie bakkersfeint en yn 1894 troud mei Dieuwertje Lammerts Heida en stoarn yn It Hearrenfean op 15-9-1931), en Jacob Hendrik ’s Ruiter (** hat oant syn ferstjerren yn 1882 ta it doe noch sagoed as nije tsjalkskip “De jonge Hendrik” befearn. Jan Aukes Tolsma hierd yn 1871 foar acht jier in oerdutsene skûte mei de namme “Onverwacht” fan Bokke Sytzes van der Werff te Birdaard foar fl. 800,- yn’t jier. Tymen Jitzes Jasper hierd yn 1891 in skip fan van der Werf te Burgum en Reinder Jitzes Jasper yn 1891 krekt sa fan deselde ferhierder. Yn 1882 wurdt 1/3 oandiel yn 3 snikskippen ferkocht mei de nammen “De vijf Gebroeders,” “Jonge Trijntje” en “Vader Durk” farrende 2 x yn de wike fan BERLTSUM op Ljouwert v. v. Douwe S. Braaksma en Lieuwe Douwes Braaksma hienen mei harren skip “De Twee Gebroeders” om 1917 hinne in beurttsjinst fan BERLTSUM nei Harns. Ruurd Sytzes Braaksma hie om 1866 hinne in beurttsjinst fan BERLTSUM nei Frjentsjer en Lieuwe Sytzes Braaksma om dy selde tiid hinne (1866) fan BERLTSUM nei Harns. Beide lêstneamde ûnder- nimmings hienen al in fergunning sûnt 11-3-1740. Snikken kamen yn de 17de ieu al foar.

Een foto mei de wizerplaat boppe yn de muorre yn it pân Buorren húsnûmer 85 stiet op side 55 yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP.

Fuotnoaten: (* Dit skip is no yn eigendom fan in C. C. Selier út Leien mei de namme “Suzanna”. (** Dit skip hat no as eigner in R. IJpelaar út Amsterdam mei deselde namme. (*** ALLE Tolsma’s, dus ek de oare Berltsumer Tolsma’s, stamme ôf fan in sekere Rennert Johs. Tolsum (1530) troud mei Anna Wopckesdr. (1530), dy ’t om 1500 hinne boer wie op Tolsum, in buorskip ûnder Tsjom. Yn de terp fan Great Tolsum is in skriuwtafeltsje fûn út omtrint 50 nei Kristus, wêrop in keapkontrakt skreaun stie, wêrby ’t in sekere Stelus, soan fan Riparius, foar 115 sestertiën in ko ferkocht oan in Gargilius Secundus. As tsjûgen fungearren in offisier (centurio) fan it 5e en ien fan it 1e Romeinske Legioen. It skriuwtafeltsje is makke fan dennehout (sulverspar) dat oan beide kanten bedutsen is mei in laach, troch tafoegjen fan houtskoal, swart makke waaks. Yn de waakslaach is mei in skriuwgriffel (stylus) yn Romeinsk kursiefskrift it keapkontrakt “snieën”. De ljochtere ûndergrûn is troch it fuortskriuwen fan de swarte waaks sichtber wurden. It tafeltsje leit no yn it Fryske Museum te Ljouwert.

(Út Dr. G. A. Wumkes – Stads en dorpskroniek van Friesland 1700-1800 en 1800-1900)

DE BERLTSUMSE PREAM en BOAT.

DE PRAAM: Boerenvaartuig gebruikt voor het vervoer van landbouwproducten en materialen. Open houten vaartuig met sterk voorovervallende licht gebogen voorsteven en sterk achter- overvallende achtersteven met daaraan een bijna driehoekig roer. Redelijk smal elipsvormig vlak dat voor en achter iets wat puntig toeloopt. Zwak gebogen naar buiten vallende zijdes. Het voorschip vertoont een rond verloop, het achterschip is iets toegespitst. In het achterschip lag een bankje of stond een laag dwarsschot. Langs de bovenrand liep een kleine dikke rand als borghout. Bij de stalen exemplaren is dit vervangen door een smal vertikaal boven boord en is de snik voorzien van een halfronde strip bijwijze van berghout. Als voorkomende maat meld G. J. Schutten 7,6 x 2,1 x 0,65 meter. (3 ton) Wat kleiner dan de Berlikumse praam was de Berlikumse BOOT. De bank in het voorschip fungeerde (soms) als mastbank voor een eenvoudige mastko- ker. De tuigage zal vermoedelijk uit een onverstaagde mast met een klein sprietzeiltje bestaan hebben. Het stalen exemplaar maakt de indruk een spitser voorschip te hebben dan de pramen op oude postkaarten.

24-12-1893: Mej. Geertje Kleefstra en Sj.(oerd) (Aukes)Tolsma te BERLIKUM geven politieke en komische voordrachten in Aurora te Heerenveen.

DE BERLTSUMSE SKOU

De Berlikumse schouw: Aan de Friese schouw verwant type open boot. Het berghout vertoont een redelijke zeeg, de bovenrand nauwelijks. Afmetingen 4.5 X 1,5 meter.

Bron: G. J. Schutten

Yn 1896 hat skûtmakker Tjisse van der Wal hjir yn BERLTSUM ek noch (oant Maaie 1901, doe fallyt) in skoftsje in hellinkje hân en dan net te ferjitten it hellinkje fan Jelke Jasper yn it midden fan de 20e ieu as lêste, ek yn de Bûterhoeke. Andele Jans Boomsma hie yn 1866 in beurt en feartsjinst op Ljouwert. (fergunning al op 11-3-1740) Andele Thomas Boomsma, earst timmerman yn BERLTSUM en letter yn Easterlittens, hat ek noch mei Roelf Harm Berg út BERLTSUM yn Grins by de Fa. Botje Ensing yn 1881 in steamskip bouwe litten mei de namme “BERLIKUM”. Hja begûnen per 1- 3-1882 in passagiers– guod- en feetransport op Ljouwert. Koart dêrnei die Roelf Harm Berg it allinne en wie de firma alwer ûntbûn. Yn 1891 hiere Tymen en Reinder Jitzes Jasper elts in skip fan Minne Nolles van der Werf te Burgum.

De snikjes binne no farrende monuminten wurden, wêr ‘t wy goed oppasse moatte, omdat dy foaral net ferlern geane meie foar ús neiteam. Dat soe jammer wêze. De hjerringboat is in houten puntereftich boatsje fan 6 foet lingte mei rjochte, fallende stûne en platte boaiem. De measte hjerringboaten binne yn BERLTSUM boud, en troch twa fiskers bemanne en waard foarútskood mei in boom. De hjerringboat is besibbe oan de punter.

Mêsten waarden û. o. makke yn de mêst, blok -, (blokken: dit binne katrollen yn alderhanne grutte en soarten, brûkt yn de skipfeart) en pompmakkerij fan Thomas Rink ’s Groenveld, (hy wie doopsgesind, en berne op 22- 3-1841 te Drylst as soan fan Rink Pieter ’s Groenveld, is hjir op 17-1-1890 ferstoarn en wie op 26-11-1863 troud mei Trijntje Evert ’s van Aisma ) wenjende oan no de Tichelersdyk húsnûmer 22. By de ûnôfhinklikheidsfeesten en Oranjefeesten waarden yn BERLTSUM oan it ein fan de 20e ieu ek wol “gondeloptochten” hâlden mei preamen en snikken en mei alles wat mar farre koe. Men ûntstiek dan bengaalsk fjoer en de oaljelampen en fakkels moasten, mei de fersiering, in feestlik oansjen jaan. Miskien is sa ‘n “happening” ek wer ris te organisearjen yn BERLTSUM, wa wit!

(** Jacob Hendrik ‘s Ruiter, wie earst arbeider, turfmakker, feanbaas en letter skipper. Hy wied berne te Spanga (Muggebeet), doopt te Bloksyl op 29- 7-1804 en stoarn te BERLTSUM op 20- 1-1882.

L.C. 4-2-1882

OPROEPING.

L.C. 27-5-1897

HEDEN overleed zacht en kalm, na een langdurig doch geduldig lijden, in den ouderdom van 64 jaren en 11 maanden, mijne geliefde echtgenoote en der Kinderen zorgdragende Moeder, EVERTJE Jacob ’s RUITER, met wie ik ruim 41 jaren door de band des huwelijks mocht vereenigd zijn. Zij ontsliep in haar Heer en Heiland, door Wiens genade wij gesterkt hopen te worden om ook onder deze slag in Zijn heiligen wil te berusten.

BERLIKUM, 23 Mei 1897.

Mede namens Kinderen en Behuwd - kinderen,

Th.(ijs) J.(an’s) van der Leij.

ALGEMEENE KENNISGEVING.

Snik op de helling bij Van Manen te Berlikum

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 25-2-1881.

Het Zoontje, ons den 19 dezer geschonken, werd ons heden plotseling weer ontnomen.

BERLIKUM. 21 Februarij 1881.

F. J. Rolsma.

J. G. Peterzon.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 17-11-1884.

Werd ik voor drie jaren in diepen rouw gedompeld door het afsterven van mijn geliefden Echtgenoot, heden trof mij opnieuw een zware slag door het plotseling overlijden van mijn geliefden zoon HARMEN IJ. de KOE, in den bloeijenden leeftijd van 33 jaar.

BERLIKUM, 13 November 1884.

IJtje S. Runia.

Wed. IJ. de Koe.

Kennisgeving aan Familie, Vrienden en Begunstigers.

------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------


L. C. 14-11-1892.

Heden ontvingen wij de treurige mare uit Oranje City (N. A.), dat op den 20 October 1892 plotseling overleden is in zijne Heer en Heiland, onze beminde Zoon Jarig K. van der Schaaf, in den ouderdom van bijna 42 jaren. Een hevige hoest en borstaandoening maakte een einde aan zijn leven. Zwaar valt ons allen dit verlies. Maar niet twijfelende, dat hij de zalige rust is ingegaan leenigt onze smart.

L. C. 15-11-1958.

In BERLIKUM werden pramen, snikken en zeeboten gebouwd.

Helling van Van Manen stond in de Bouwhoek best bekend. etc. .... ....

Werfplaatsje fan Van Manen

L. C. 16-11-2011.

Laatste BERLIKUMER praam gered.

Een hoop schroot, meer was het niet. Maar Simon van der Meulen zag er iets aparts in en maakt er weer een Berlikumer praam van. (in klonken izeren ierappelpream fan 6.80 x 1.90 x 4 m.m. sa goed as seker boud op de helling fan van Manen) Simon van der Meulen gaat in Warten de laatst geklonken Berlikumer praam in ere herstellen.

L. C. 3-1-1942.

DE GESCHIEDENIS van de Friesche Scheepstimmerwerven.

Nanne Ottema.

L. C. 1-1-1847.

Op Dingsdag den 5 Januarij 1847 ‘s avonds 6 ure, zal in de Herberg van D. K. de Jong te BERLIKUM ter verhuring worden aangeboden, de HUIZINGE no 52 met zoo wel beklante aan uit hoofde van de menigvuldige scheepvaart op en de zoo talrijke schepen en schuitjes welke in het dorp en omtrek worden aangehouden, zoo gadingrijke SCHUITMAKERIJ, met HELLING, TIMMERSCHUUR en verder aanbehoren, staande en gelegen aan de Vaart in het Dorp BERLIKUM. De Conditiën zijn intusschen te vernemen ten kantore van den Griffier Plantenga te BERLIKUM.

L. C. 12-12-1876.

Scheepstimmerwerf te BERLIKUM.

Bij gesloten briefjes TE HUUR, voor de tijd van 5 of 7 jaar: Eene Scheepstimmerwerf, gelegen op de Kamp te BERLIKUM waarvan sedert onheugelijke jaren een uitmuntend bestaan is gevonden. Te aanvaarden met 12 Mei e. k. Conditiën liggen ter inzage bij den Herbergier K. B. Osinga, ter-wijl de briefjes vóór of op Vrijdag den 22 December e.k. Moeten worden ingeleverd bij J. Hacque- bart, Administrerend Diaken der Hervormde gemeente te BERLIKUM.

Advertinsje:

L. C. 15-3-1867.

EENIGE KENNISGEVING.

Hedenavond overleed in den ouderdom van 50 jaar,

mijn geliefde echtgenoot en der kinderen zorgdragende

Vader JACOB van MAANEN, in leven scheepsbouwer

alhier.

BERLIKUM, 9 maart 1867.

A. Zeil.

Wed. J. van Maanen.

N. B. De Affaire zal op dezelfde voet worden voortgezet.

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 14-12-1965.

FRIESCHE SCHEEPSBOUWERS VEREENIGING VIJFTIG JAAR.

Vrijdag 10 december was het precies vijftig jaar geleden dat in het Oranje Hotel te Leeuwarden de Friesche Scheepsbouwers Vereeniging werd opgericht. Hiervoor was heel wat aan vooraf- gegaan. De voorgeschiedenis had zich afgespeeld in het Friesch Koffiehuis aan de Wirdumerdijk. Daar werd namelijk op Vrijdagen beurs gehouden en daar kwamen ook vele Friesche scheeps- bouwers om zaken te doen met ijzer- en houthandelaren. Het idee kwam van Klaas Zwolsman (1877-1946) eerder scheepsbouwer te Makkum en later met zijn broer Evert te IJlst. Maar Zwolsman was van mening dat het maar eens uit moest zijn met de onderlinge moordende concurrentie en dat er zo mogelijk moest worden samengewerkt. Het had geen zin elkaar het leven zuur te maken. Door een Vereeniging van Scheepsbouwers op te richten zou men ....... ....... Meerdere Friesche scheepsbouwers hebben de voorzittershamer gehanteerd. Klaas Zwolsman van IJlst als eerste, werd opgevolgd door Ulbe Zwolsman van Workum, daarna Brandsma van Franeker, Barkmeijer van Stroobos, Bos van Harlingen, VAN MANEN van BERLIKUM, van der Werff te Drachten en sedert 1953 tot op heden is W. Amels van Makkum voorzitter ....... ........ Ate Tjibbeles van der Werff (geb. 1888) scheepsbouwer op Schilkampen werd op deze intieme bijeenkomst tot erelid benoemd. Hij was bijna 50 jaar de sercretaris van de Vereeniging.

Foto: A. T. van der Werff.

L. C. 2-12-1952.

SCHEEPSBOUWER GOOIDE ROER OM.

(foto: Bernardus Dirk Simons Renzema.)

Het zal menigeen overkomen zijn, dat alles in zijn leven anders werd, naar korte puur toevallige ontmoeting. Zo is het in ieder geval de heer J. B. van Manen in BERLIKUM gegaan, die eens scheepsbouwer was en nu samen met zijn familielid (syn omkesizzer Bernardus Dirk ’s Renze-ma) een bedrijf bezit waarin louter landbouwmachines vervaardigd worden etc. .... .....

Bernardus Dirk Simons Renzema (1914-1971) wie troud mei Tjitske Jacobs Bergsma.

L. C. 16-4-1985.

AL IETEN JE TSIEN FAN DY HJERRINGS, it briek jo net op.

etc. ...... ......

(It Berltsumer Wiid wie it bêste fiskwetter.)

(foto: hjerringboaten op it Waad.)

L. C. 6-8-1921.

BERLIKUM - Door het binnenstroomen van veel zout zeewater in de binnenwateren ziet men de laatste dagen overal in den omtrek en ook in de dorpsvaarten hoopen doode visch liggen. Jammer voor de visch en niet prettig voor de omwonenden, daar de visch in vergankelijken toestand een zeer onaangenamen reuk verspreidt. Gelukkig wordt van gemeentewege de boel opgeruimd.


(It wie yn 1921 in tige droege simmer. Der wie in tige lege wetterstân. Oeral yn Fryslân hearde men doedestiids fan: “Wie dy Ôfslútdyk no mar ris oanlein en klear, dan soenen wy swiet wetter út de Súdersee ynlitte kinne. Yn 1913 waard der yn de Twadde Keamer ek al wer ris praat om de Súdersee droech te lizzen. Guon keamerleden seagen it doe net sitten en hâlden de útfiering dêrfan foar ûnmooglik sawol technysk as finansjeel. Oaren seinen: “Wy hawwe gjin nij oanwûn lân nedich, der is romte genôch yn ús lân en dy wurdt noch folle grutter troch de ûntginnings fan de earme sângrûnen, lykas yn Fryslân, yn it easten fan it lân, lykas bgl. yn Drinte, en ek op de Feluwe”. Wer oaren yn de Keamer fregen harren ôf wêrom ’t der dan sa ’n protte boeren folle earder al emigrearjen gienen en de romte sochten omdat hjir foar harren gjin plak wie om it boerefak út te oefenjen.)


L. C. 12-3-1879.

KOEHOOL. – gemeente Barradeel.

In de week van 3 – 10 Maart werden aan de afslag verkocht 14000 stuks haringen meest aan opkoopers te Harlingen. De vangst was in deze week iets gunstiger, de prijzen waren dalende. In het begin der week deden de 200 stuks fl. 7,- later fl. 6,50 terwijl heden morgen fl. 5,10 werd besteed.

(Nei de oanliz fan de Ôfslútdyk wie it dien mei de hjerringfangst de Fryske kust bylâns. In protte fiskers dy ‘t efter de seedyk wennen libben fan de fiskfangst. BERLTSUM levere in protte hjer-ringboaten oan dizze fiskers. Ek it doe 4500 ynwenners tellende eilân Urk, in eilân fan 80 hektare, wêrfan amper 15 hektare heech genôch lei om by stoarmfloed feilich te wêzen, waar- den, sa frezen hja, berôve fan harren deistich brea. It rike fiskwetter rekken se kwyt, it sâlte wetter waard swiet. Yn de jierren 40 en 50 wie Urk dan ek tige earm. Sa waard mear en mear bûten de ôfslútdyk fiske en der kaam in fiskferwurkjende yndustry op Urk. Urkers wenje no dan ek noch altyd OP Urk.

It eilân Schoklân destiids lei ek mar 50 tomme boppe folle see. By in wetsfoarstel yn 1858 fan minister Van Tets (Ynlânske Saken) moasten de ca 650 bewenners fan it eilân op lêst fan de regearing harren hûs op it eilân ôfbrekke om op it fêstelân wer op te bouwen. En hoe lyts ek, Schoklân waard oant de Frânske tiid troch twa oerheden bestjoerd. It noardlike part foel ûnder Amsterdam en dêrfoar ûnder Kuinre. It súdlike part waard bestjoerd fanút Oerisel. Yn de Frânske tiid krige it eilân pas offisjeel de namme dy it no hat. Schoklân waard fierders pas nei 1450 in eilân. Om dy tiid hinne waard in stik lân dat Schoklân noch mei it fêste lân ferbûn fuortslein. Dêr bliuw it net by. Yn ‘e rin fan ‘e tiid gienen mear stikken lân ferlern. De stoarm fan 1825 sette hast it hiele eilân ûnder wetter. Trettjen bewenners ferdronken en in part fan ‘e seewearing waard fernield. Úteinliks bleau in smelle streek lân oer fan ca fjouwer kilometer lang en – op syn breedste punt- fiifhûndert meter breed.

In protte eilanners libben fan de fiskerij; in ûnseker bestean. Yn de eardere Súdersee leinen fiif eilannen. Neist Schoklân binne dat Wieringen, Urk, Marken en it forteilân Pampus.)

Daar Age Sake ’s Wijma, Mr. Scheeps-Timmerman te Harlingen, metterwoon na BERLICUM is vertrokken en aldaar EEN NIEUWE Scheeps-Helling heeft aangelegd, zoo verzoekt hij een ieder zijn gunst in ’t maken van Schepen en Pramen, en het Repareeren van dien, derhalve Verkoopt hij in soorten Vuuren planken, oude Eiken planken, ook goed oud Afbraak; belooft civile en prompte behandeling.

L. C. 21- 5- 1808.

Om 1811 / 1812 hinne wenne hjir yn BERLTSUM in Ewalt Oebele ‘s Frank, berne op 20- 7-1777. Hy wie “Scheepmakersbaas te BERLIKUM” en troud mei Tjitske Oeges. Him waard op 13- 9-1813 in soan berne dy ’t de namme Pieter krige. Syn heit wie Oebele Ewald ‘s Frank en dy wie skips-timmerfeint en wenne op DE KAMP (destiids) op húsnûmer 152 te BELKUM.

(Út it Registres civiques fan it Kanton Dronrijp.)

Yn 1685 troude in Minne Lourens ôfkomstich fan BERLTSUM mei Inske Alles út Beetstersweach. Yn 1699 troude hy nochris, no mei Fettje Fokkes, de widdo fan Auke Johannes. Hy wurdt master mêstmakker neamd. Hy hie in pomp- en mêstmakkerij deun by de skipswerven, de Admiraliteit en lynbaen fan Dokkum.

(Hy sil syn fak doe ek wol yn BERLTSUM leard hawwe, tink ik sa.)

...................................................................

L. C. 28-7-1809.

Marten Douwes Kuip (Kuperus) boaske mei Saske Gerbens, soan fan Douwe Martens, gernier, boaske mei Doutje Dirks, ferkeapet yn 1810 as eigner/feerskipper op it oktroaieerde Feerskip, farrende fan BERLTSUM op Harns, syn feerskip cum omnibus annexis.

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 13-12-1899.

Plotseling werd heden bij zijn werk ons van ‘t hart gerukt, onze hartelijk geliefde Man en Vader TJEERD R.(inze’s) PETERZON, in den ouderdom van bijna 58 jaren, in leven Gardenier. Zijn belijdenis en leven geven ons hope, dat hij de ruste van Gods volk inging. Sterke de Heere ons genadelijk om deze zwaren slag te kunnen dragen

BERLIKUM, 1 December 1899.

A. G. Werkhoven.

Wed. T. R. Peterzon en kinderen.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 1-2-1905.

Heden overleed plotseling, doch zacht en kalm, onze geliefde Echtgenoot, Vader, Behuwd- en Grootvader de Heer PAULUS WESLING LUBLINK, in den ouderdom van 59 jaren en ruim 4 maanden.

BERLIKUM, 80 Januari 1905.

Suawoude: T. Epema - Lublink.

K. Epema.

Dronrijp: G. Veenstra - Lublink.

T. Veenstra.

Berlikum: W. D. Lublink.

G. Lublink - Bakker.

L. C. 25-5-1810.

De Secr. Mebius zal op Maandag den 28e van de Bloeimaand 1810, ‘s middags 4 uur ten huize van Everts Willem ’s Dijkstra Wed. te BERLICUM publiek bij strijkgeld verkoopen: Een geoc-trooyeerd Veerschip cum omnibus annexis, varende van BERLICUM op Harlingen et vice versa, in dier voegen als thans bij Marten Douwe ’s Kuip, (Kuperus) als eigenaar wordt bevaren.

(Marten Douwes Ku(i)perus, berne te BERLTSUM op 10-12-1781 as soan fan Douwe Martens Ku(i)perus en Saske Gerbens wie te BERLTSUM troud op 16-6-1816 mei Lysbeth Jans Ku(i)perus, berne te Wjelsryp op 27-8-1793 en is stoarn te BERLTSUM op 3-5-1822. Marten wie earder op 20-5-1804 te BERLTSUM troud west mei Jantje Hylkes Kuip(erus), berne te Balk plm 1785 as dochter fan Hylke Kuip en Jeltje Schotanus en is stoarn te BERLTSUM op 6-7-1814. As wy de houliksakte fan 1816 leauwe meie hjitten sawol Marten as syn eardere en nije frou allegear Ku(i)p(erus). De bern waarden ynskreaun mei de efternamme Kuperus.)

L. C. 21 -8- 1846.

De griffier P.(ieter) Plantinga, te BERLIKUM, zal, op Zaterdag den 29 Augustus 1848, des n. m. ten 6 ure, t. h. v. Dirk Klazes de Jong, kastelein te BERLIKUM, praesenteeren te verkoopen: Een overdekt Snikschip, metende 8 tonnen, met zeil en treil, kloeten en verdere aanbehoren, s’wekelijks geregeld varende van BERLIKUM op Sneek en terug, in eigendom behoorende aan Andries Gerrit ’s de Haan, schipper te BERLIKUM, thans ter bezichtiging liggende in gemeld dorp.

IN SONKEN PREAM

L.C. 23-10-1802.

De Raad der Gemeente MENALDUMADEEL praesenteerdt op Vrijdag den 1 October 1802 s ’ namiddags om 2 uur in de Herberg bij de Castlein Evert Willems (Dijkstra) te BERLICUM publicq aan te besteeden; Het uitwerken van een praam met wrak geladen, gezonken in de vaart Het Moddergat (Wiersterfeart) genaamd, onder BERLICUM nabij WIER.

L. C. 23-10-1802.

Uit de hand te huur, een welbeklante Scheeps–Timmerhelling, voorzien van een ruim woon-huis en timmerschuur, waarin lange jaaren die affaires met goed succes in is geëxcerceerd, op St. Petry a. s. te aanvaarden, te bevragen by A.(te) T.(eake ’s) Bylsma, Mr. Scheeps–Timmerman te BERLICUM, die in alle billykheid wil handelen. (L. C. 14-11-1801). Hy wie troud mei Trijntje Hanses Faber (in bakkersdochter) en is in soan fan Taeke Klases en Ate syn soan wer, t. w. Klaas Ates wie de Frjentsjerter skipper. De Berltsumer bakkerssibbe Faber komt oarspronklik fan Frjentsjer, wer ’t harren foarheit Sijbrandus Faber tinjitter en boarger hopman wie. Dizze Frjensjerter tinjitter is ien fan myn foarpakes.

L. C. 13-6-1801.

Een à twee wagenmakersknegten, haar werk geheel of ten deele verstaande, kunnen aanstonds werk bekomen by T. W. de Vries, Mr. Wagenmaker te BERLICUM.

Op GOOGLE: Swalkje groen BERLTSUM.

Swalkje, swalkje swalkje – doarpswurk.

(foto ’s fan BERLTSUM en platte grûn fan kuierrûtes om Berltsum hinne.)

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 11-02-1930

Advertinsje:

Heden overleed zacht en kalm

in den ouderdom van 78 jaar

Mej. TRIJNTJE POTHUIS

sedert 4 mei 1909 weduwe van

de heer Johannes Aggeus Osinga.

Executeur-testamentair:

F. SPERLING

BERLIKUM. 8 Februari 1930.

De begrafenis zal plaats hebben

op Woensdag 12 Februari 1930,

des nam. 2 uur vanuit de consis-

toriekamer.

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

(Trijntje Jans Pothuis wied berne te Tsjummearum út minniste âlders op 18-1-1852. De stien leit net mear op it Berltsumer tsjerkhôf, mar leit no op it hiem hjir foar de Doopsgesinde tsjerke. De Doopsgesinde gemeente hat in protte stiennen romje litten omdat hja de grêfrjochten net mear opbringe koene. Trijntje Pothuis wie op 21-7-1887 troud mei Johannes Aggeüs Osinga, in soan fan de Frjentsjerter grutter en lettere Berltsumer tichelbaas Sjoerd Wopkes Osinga, troud mei Titia Tetman’s Dijkstra. Trijntje wie yn twadde boask troud mei Sybren Pieters Statema. Hja wennen op de hoeke fan de Buorren en de Grúze. (De eardere herberch fan D. G. Visser, Buorren húsnûmer 60) Ek dizze stien leit op it hiem foar de Doopsgesinde tsjerke neist dy fan syn frou. De notarisklerk F. Sperling wenne yn it yn 1930 boude wenhûs mei de namme “Hôfshoeke”, no nûmere Hôfsleane húsnûmer 31 (op perseel earder “It Hôf” neamd) en hy wenne earder oant 1924 ek yn de Krússtrjitte oan de Grúze.)

L. C. 14-3-1929

BURGER of Gardeniershuis te BERLIKUM.

Prov. Verkoop van een goed onderhouden Burger- of gardeniershuizinge waarin stalling voor 4 hoornbeesten, hooiberging en ruim erf, samen groot 3.73 ca aan de Kruisstraat (no mei it húsnûmer 5) en de Grúze te BERLIKUM. Tot 12-5-1929 in huur bij dhr. F. Sperling. etc. ..... ......

ÚT ÂLDE GRÊFSTIENNEN FAN BERLTSUM BLYKT Û. O. DAT:

Doopsgesinden út eardere tiden dy’t hjir yn BERLTSUM begroeven binne wienen û. o. in Iemke Hessels Stickenboer, berne OM 1546 HINNE en hjir ferstoarn op 3- 11-1617. Hja wie troud mei in Dirck Eelckes Haerda, hjir ek ferstoarn op 15-4-16 .. , 85 jier âld. De namme fan har foarfaar Hans Johannes Stickenboer troud mei Hillegonda Gysberts Ens komt ek foar yn de saneamde Quacklappen d. d. 4-10-1533, yn 1563, d. d. 25-11-1563 en yn 1573. (Syn bynamme wie Coumans.) Yn 1622 wenne hjir de minnist Reyn Ydes. Yn 1641 wenne hjir yn BERLTSUM ek in minniste smid Mintie Claeses.

In Trijntje Tiemens Grada, berne om 1659 hinne, wie troud mei Siebe Johannes Andringa, en is hjir ferstoarn op 17-7-1710, sa blykt út in âlde grêfstien. De Adringa’s wienen allegearre doopsgesind.

HOIJTE REIDOMMEL

Om 1640 hinne is in sekere Hoijte Hettes Rijddommel hjir timmerman yn BERLTSUM en hy wie de eigner fan in perseel jonglân om de (it) pastorije (lân) fan BERLTSUM hinne. (Kad Bitgum D. 92) Yn 1700 is in Gerrit Hoites hjir de eigner fan en in Willem Hoites de brûker (sjoen it patronym beide bruorren út syn neiteam?) sa blykt út de Pré Kadastrale Atlas fan 1700/1640.

L. C. 5-10-1827.

De Secr. en Nots. Mr. P. J. Mebius, zal op Dingsdag den 9 Oct. 1827, des n. m. ten 3 ure t. h. v. K.(laas) W.(illem ‘s) Wassenaar, kastelein te BERLIKUM, bij de finale palmslag verkoopen: Het geregte een/derde gedeelte in het BERLIKUMER Veer, varende van daar op Leeuwarden en v. v. met het Quoteel aandeel in drie snikschepen met toe- en aan behoren, zoodanig als bij Klaas Eeltjes Schiphof wordt bevaren. Waarop geboden is fl. 777: 00.


L. C. 19-2-1828.

BOELGOED. De Notaris P. J. Mebius, zal, na bekomen regterlijke autorisatie, op Dingsdag den 26 Februarij 1828, des voormiddags ten 10 ure ten sterfhuize van Homme Everts Wagenaar te BERLIKUM by gereed geld verkoopen: Meubelen en Huisgeraden, Bedden, Kussens, Dekens, Rijtuigen, Paardentuig, Boerengereedschappen, 1 vet Varken, Paarden waaronder een zwart bles Hengst, in Tuig bereden.

(Homme wie stoarn op 8-12-1827 te BERLTSUM. Hy wie fuorman en op 24-2-1808 troud mei Dorothea Kaspers Dormans, ôfkomstich fan Harns, berne te Bitgum)

LYTS / DE LYTSE MAN.

Ús foarâlden wienen lytser fan stalte dan wy, (yn 1863 jilde foar soldaten yn it leger in minimum lingte fan inkeld 1.55 meter) dêrom wienen de bêden koarter en de hichte fan ‘e doariepenings leger as no. Boppedat sliepten de minsken earder, holpen troch in protte kessens en pelsen, yn in mear oprjochte hâlding. (koarte bedsteden) Neffens guon histoarisy die platlizzen tefolle tinken oan de dea. Earme deihierdersarbeiders, arbeiders en fiskers wennen fakentiden yn lytse húskes dy ‘t út mar twa keamers bestienen. Folle plak om te sliepen wie der dan ek net. By grutte gesinnen wie it in kwestje fan ynskikke. De lytsten sliepten mei syn fjouweren of fiven dwers yn in bêd of yn in kistke. Gruttere jonges en famkes sliepten faak yn de stâl, op souder of yn ‘e kelder. Oant de 18de ieu sliepten de minsken faak meiinoar yn in mienskiplike romte. Fan wat privacy wie der yn it gehiel gjin sprake. Sels yn herbergen bestie de gewoante dat frjemdlingen by inoar yn bêd krûpten. Yn in protte húzen stie it bêd gewoan midden yn ‘e húskeamer, sûnder alkoof of beskermjende gerdinen. Yn de smelle alkoven dy ‘t fanôf de 16de ieu harren yntree dienen, koenen amper twa minsken hiel ticht tsjininoar lizze. Pas om de 19de ieu hinne ferhúzen de bêden nei in aparte sliepkeamer mei doar en slot.

YN 100 JIER 14 CM DERBY.

Nederlânske manlju sieten de ôfrûne ieu massaal yn in spurt fan waaksen, sa besiferden Britske en Australyske ûndersikers. Yn it tiidskrift Oxford Economic Papers skriuwen hja dat Hollânske manlju mar leafst 14 centimeter grutter wurden binne ten opsichte fan harren foargeslacht. Tusken 1911 en 1950 fûn yn de measte Jeropeeske lannen it grutste waaksen plak, nettsjin- steande oarlogen en de minne tritiger jierren

L. C. 4-4-1828.

De notaris Mr. P. J. Mebius, hiertoe benoemd bij Vonnis van de Regtbank van Eersten Aanleg, zitting houdende te Leeuwarden, zal, ten overstaan van het Vredegeregt van het kanton Dronrijp. Op Dingsdag den 15 April 1828 des namiddags ten 1 ure, ten huize van de Wed. K. W. Wassenaar, kasteleinsche te BERLIKUM, by den finale palmslag verkoopen: Eene hechte welbetimmerde en voor weinige jaren nieuw gebouwde Stelphuizinge, bestaande in twee schoone kamers, waarby Put en Regenbak en verdere nodige commoditeiten; een Buitenhuis en ruime Schuur benevens een Hornleger met Boomen en Plantagie, gekw. no. 85, staande en gelegen aan de Hoogedijk nabij BERLIKUM, by wijlen Homme Everts Wagenaar bewoond geweest geweest; bij den finalen Palmslag te aanvaarden; waarop geboden is fl. 601,-

(Homme Everts Wagenaar, troud mei Dorothea Kaspers, wie hjir fuorman oan de Bitgumerdyk en as soan fan Evert Gerrits en Martje Hommes berne op 28-1-1781 te Bitgum en dêr ek doopt. Op 24-2-1808 te Bitgum troud mei Dorothea Caspers Dormans, berne te Bitgum om 1771 hinne. Hja wie earst troud west mei Freerk Freerks (Walings) Leijstra (van der Leij doopt te Feinsum op 23-4-1769.) Homme Everts Wagenaar is ferstoarn te BERLTSUM op 8-12-1827.)

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 15-3-1867.

EENIGE KENNISGEVING.

HEDEN avond overleed, in den ouderdom van 50 jaar, mijn geliefde echtgenoot en der kinderen zorgdragende vader Jacob van Maanen, (Manen) in leven Scheepstimmerman alhier.

BERLIKUM. 9 Maart 1867.

A. Zeil, wed. J. van Maanen.

N. B. De Affaire zal op dezelfde voet worden voortgezet.

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 25-1-1874.

TE KOOP.

Een wel onderhouden potschip c.a. en een wel onderhouden snik gr. 8 ton, met treil en zeil. Te bevragen by A.(uke) J.(ans) v. d. Meij te BERLIKUM. Tevens kunnen 3 à 4 scheepstimmer- knechten, dadelijk of op den 1 Maart a. s. vast werk begeerende, geplaatst worden.

HEIT NET BEKEND

OVERLEDEN in 1862 Pieter de Geele, geboren te BERLIKUM op 9- 8-1841 als zoon van een onbekende vader en Engeltje Pieter ’s de Geele, matroos 1e klasse aan boord van Zijne Majesteit Stoomschip “Celebes” ter reede te Bandjermasin, Ned. Indië, 21 jaar oud.

L. C. 24-8-1832.

De notaris P. Tadema, te Dronrijp, zal publiek, by strijk- en verhooggeld op zes maanden crediet, presenteeren te verkoopen: Een blijkens geheel nieuw en sterk getimmerd overdekt Snikschip “De Hoop” genaamd, gelijk op zeven tonnen, lang over steven 10 el, 7 palm en 8 duim wijd en hol naar navenant, met zeil en treil en verdere annexen, laatst bevaren bij Horatius Jelle ‘s Lauten-bach, thans liggende achter de hovinge van Gerlof Klazes Osinga te BERLIKUM, en terstond na de palmslag vrij te aanvaarden. Wie gading maken komen op Zaturdag den 25 ugustus 1832 des voormiddags precies ten 10 ure ten huize van Marten Ruurds Oosterhof, kastelein (oant 1838 yn “Het Wapen van Vriesland” ek wol neamd “De âlde herberch” ) te BERLIKUM.

L. C. 25-7-1919.

DE SCHIPPERS ACTIE.

Een onrustige dag, gisteren, voor Harlingen. Het begon des morgens met een “werkwilligen” schipper, die door zijn collega ’s belet werd te laden. De schipper en zijn zoon liepen eenige klappen op etc. ...... .......

De schippers vergaderden intusschen in de Beurs. ..... ..... Alle havens liggen vol met schepen, meest allen geladen met karton. De te Harlingen liggende schippers maken tochten per rijwiel door de dorpen om te zien of er ook verscheping van aardappelen plaats heeft. Te BERLIKUM trof men een 8-tal schepen aan. De schippers werden overgehaald niet te laden.


L. C. 13-1-1933.

SCHIPPERSVEREENIGINGEN.

Tzummarum, 12 Januari.

Gisteren hield de afdeeling Frieslands Noord-Westhoek van “Algemeen Schippers Belang” onder leiding van de heer H.(arm) D.(ouwes) Siegersma te BERLIKUM (doedestiids wenjende op it Dok as brânjehanneler) alhier hare jaarvergadering. De rekening werd goedgekeurd etc. ........ ......... Medegedeeld werd, dat op verzoek der afdeeling geregeld is de drinkwatervoorziening voor schippers te Menaldum, BERLIKUM, en Dronrijp, dat de vaarten te BERLIKUM (achterom) en die tusschen Beetgum en Engelum op hun aandrang zijn uitgebaggerd, dat van ‘t P.E.B. een schrijven was ingekomen, waarin dank was betuigd voor het vestigen van de aandacht op het verzakken der buizen onder de bruggen te BERLIKUM en Dongjum. ......... ......... Herkozen werd tot voorzitter H. D. Siegersma te BERLIKUM. Tot afgevaardigde naar de algemeene vergadering werden benoemd J. Idzinga te Tzummarum en A. Wisma (Wissman) te Sexbierum, tot plaats-vervanger F. van der Meulen te Sexbierum.

(It jier dêrfoar wienen de ôffeardigers nei de algemiene gearkomste, de hearen H. de Vries te Tzummearum en P.(ieter) Bangma te BERLTSUM, lêstneamde wie hjir, krekt as Harmen Douwes Siegersma fan it Dok, ek brânstofhanneler oan de Hôfsleane en lid fan de Alg. schippersbûn. Hy is letter nei Nij-Seelân emigrearre. It wie oer it algemien in earmoedig bestean foar de binnenskip- pers. Der wie yn de rin fan de jierren in grutte konkurinsje ûntstien troch it tanimmende fracht -ferkear oer de wei en it spoar. Lêstneamden waarden troch it Ryk subsidiearre en de lytse skip- pers net.)

L. C. 3-10-1995.

VRACHT MET LUCHTJE in skûtsje Gudsekop. (foto.)

......... centraal staat in deze historische trip door Friesland de in 1908 gebouwde Gudsekop, die tot 1934 turf, modder, stront en, in het najaar, de aardappeloogst van BERLIKUM, het tuinders-centrum van N. W. Friesland, naar andere plaatsen in de Provincie vervoerde. Na overslagplaats Sneek was de zogeheten kleiroute gewild. etc. ....... .......

(It is de bedoeling dat de Fryske Klaairûte (ek fia BERLTSUM) yn de simmer fan 2013 op in feestlike wize iepene en wer befarber wurde sil, neidat de beide slúzen by WIER en Âlde Leie oanlein binne, de wâllen fersterke, de feart op 1.50 m útleike en alle brêgen op 2.50 hichte brocht binne.)

L. C. 29-4-1972.

FRIESLAND in ENKHUIZEN.

(De snikke “Grietje. etc.)


L. C. 11-2-1975.

“AS JO IT NET YN DE FINGERS HA, LEARE JO IT NET”.

(Marchinus de Jonge út Nijlân snikke-restaurateur te Enkhuizen.)

L. C. 22-1-1780.

Men praesenteert uit ‘er hand te verkopen: Een deftige en welbezeild SCHUITSCHIP, met zijn Berkhout 3 voeten, in de Maand July 1774 nieuw uitgehaald, zoodanig by Gjolt Sytses is bevaren, leggende thans by het Tichelwerk te BERLIKUM; nader onderrigt te bekomen by Dr. J. Mebius te Franeker, Secretaris van Menaldumadeel, en S.(yberen) van Gelder ten gemelde Dorpe BERLIKUM. (Gjolt Sytses wie troud mei Franske Hendriks)

======================================================================

WETTERFYTSEN.

Yn kafee “De Brug” by Wiebe Jurjen Uitterdijk siet in groepke Berltsumer mannen oan ‘e boarrel. Dat wienen D. v. D., D. R., A. v. d. M., J. Q., C. P. R. en noch in pear oaren. It doarpsnijs waard trochpraat en fan it iene kaam it oare. Seit ien fan harren: Hjir moatte wy ris in grap fan hawwe. Hisse Feikes Brouwer, de doarpsomropper waard mei de skille it doarp trochstjoerd. “Fan ‘e middei om healwei fjouweren komme de wetterfytsers troch BERLTSUM de Ljouwerterfeart bylâns. It wurdt in grut spektakel. Siz it fuort, siz it fuort.” Hûnderten Berltsumers kamen gear op ‘e brêge. Fanút kaffee “De Brug” seagen de manlju dat it publyk dêr tige oanwoeks. De manlju fernuveren harren. Mar al wat dêr ek kaam, gjin wetterfytsers. De minsken begûnen hin en wer te rinnen en somliken duorre it te lang, sa dat in protte minsken wer teloarsteld op nei hûs ta gienen. It waard it petear fan ‘e dei. Berltsumers hienen wer eat om oer te praten.

Sjoch it boek BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP de siden 274 en 275 de foto’s fan Kafee “De Brug”. (Sûnt 1920 hat in Sjoerd Sybes Osinga, tr. m. Botje v.d. Leij hjir ek kastlein yn west.)


LEEUWARDER NIEUWSBLAD 24-12-1940

Van den kruiser naar den tractor.

Een kijk op de voormalige scheepswerf van J. B. Van Manen.

De werf van van Manen was de eenige in Friesland benoorden de lijn Harlingen – Leeuwarden, daar werden heel aardige kruisertjes gebouwd in een populaire prijs. Alle verwachting gaat nu uit naar bodembewerking en vandaar dat men hier in BERLIKUM sedert eenige jaren het roer heeft omgegooid en is begonnen met de bouw van landbouwwerktuigen. Nu gaat het in de kern niet alleen om de frais maar ook om den tractor. Zoo’n tractor heet in deftige deskundige stijl een stationaire krachtbron, dat wil zeggen hij knapt zoowel alle werk op, dat bij den bouwboer te doen valt, dorschen en gier oppompen en de hooitakel bedienen, niet uitgezonderd. Maar men noemt hem ook wel doodeenvoudig trekker en dan doet hij absoluut alle paardewerk, dat is ploegen, eggen, maaien, zichten, tot aan mest uitrijden toe. Zoo’n nuttige machine die door het meerendeel der lezers nog zeker niet gekend wordt, mag wel eens nader worden besproken etc. etc. ......... ..........