d'Aumale/Hemmema Poarte
Yn 1753 is op 10 april op ôfbraak ferkocht it hearehûs, doe destiids yn besit fan wijlen de Graaf d’ Aumale, en bewenne troch de Majoor Baron Du Tour. De siswize: “In hûs as in kastiel” gie foar dit hûs al lang net mear op. “Hemmema” state wie al jierren yn ferfâl rekke. No stiet dêr allinne noch de Poarte as oantins oan dit ferline. De ferkeaper (dy’t nei alle gedachte as keaper niaard hie) wie in sekere Quader. De namme “Hemmema”- of ek wol “d’ Aumale poarte” neamd, lit ús noch tinken oan de foarige bewenners dy ’t hjir mear as 300 jier wenne ha. Doeke Hemmema wie foar syn trou en behelpsumens oan de Hartoch fan Saksen op 13 oktober 1503 ek noch beleane mei it lien de “Nije Finne” yn de doedestiids nije polder It Bilt. It wie wol it thús krijen fan jins eigen rekken, want neffens it âlde Fryske rjocht kaam it nije oanwûne lân rjochtens him, as oanlizzende eigner, ek al ta. De heerlikheid “NIJE FINNE” (it wenhûs en de skuorre) is yn 1801 op ôfbraak ferkocht oan Jacob Tjeerds, timmerman te Minnertsgea.
Yn de L. C. fan 7-2-1801 lêze wy dat der buolguod hâlden is w. û. in phaëton, in sjees, in wein, in eardkarre, in ploeg, húsrie, twa hiemdoggen, etc. etc. Wie yn de L. C. fan 13-4-1765 noch te lêzen: Men praesenteert uit de hand te verkopen: Een extra deftig Zomerhuis, hetwelk van voren is versierd met fraay lijst- en paneelwerk, staande daar in drie Engelsche kamers met fijn Glas, en ter syden aan elkaar een Raamt, proper behangen, en met Wagenschors Lambrisering: groot eenen 13 Voeten 4 kant: welk Zomerhuis op een gemakke lijken wyze uitmalkander kan genomen worden, zynde alles met Schroef en Ploegwerk in malkander gevoegd, en kunnende te Water (der wie in opfeart nei de Blikfeart ta) overal getransporteerd worden, staande op de NIE-VENNE (de Nije Fenne) by BERLIKUM. Nader onderrigting te bekoomen by den Ontvanger H.(otze) Quader aldaar, en te Leeuwarden by de Stads Timmerman Noteboom. (Om 1700 hinne hierde in Siouke Keimpes dizze poarte it Skil op húsnûmer 13)
De skilderijen, destiids hingjende yn Hemmema State fan ferneamde masters, binne op 10-4-1753 by boekferkeaper Hendrik Strick yn Ljouwert ferkocht.
Sjoch it Boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 18.
Hjir leit in stikje histoarje en it is der fakentiids wyld om en ta gien. Tink mar oan de tiid fan it skeel tusken de Skieringers en de Fetkeapers en oan de Fryske (Berltsumer) Kenau Bauck fan Hemmema (1492). Bysûnderheden oangeande de Hemmema ’s binne beskreaun troch Halbertsma yn syn: “Fragmenten omtrent de van Harens”. Yn 1792 hierde in Haye Minnes (Hogendijk) noch in grut rom hûs “Hemmema”, dit sil, tink ik, de “Hemmema” poarte west hawwe dy’t op 13-8-1792 verkocht waard. Yn 1832 wie de âld Berltsumer skoalmaster Heerke Willem ’s Dykstra, troud mei Yttje Hendriks van der Meer, eigner fan de poarte mei de boppe wente. De poarte moat yn it ferline yn de Grienedyksfeart of grêft stien ha. It kastiel, út de 15e ieu of al (folle) earder, is boud, wierskynlik as Fort om de haven fan ÚTGONG te beskermjen, wat ferklearje soe wêrom’t dizze State as ienichst yn Fryslân bûten de âlde seedyk boud is.
Haven sjoen fanôf de Hemmemapiip
Âlde haven yn Berltsum
By de bou fan dancing “Sans Souci” en by it graafwurk dêr koe ik de blauwe sleatsklaai noch dúdlik gewaar wurde. De huzen oan it Hemmemaplein steane ek op dizze âlde dyksleat. De dyk dêr en by de Singel is destiids ferbreede om mear romte te krijen foar de dêr altyd holden bistemerk. De namme, fan de doe yn de folksmûle saneamde “de Wylde cingel” (nei de Berltsumer hôfker Jacob Jacob ‘s de Wilde (1772) neamd?) komt ek yn BERLTSUM foar. Jacob Jacobs (de) Wilde hie in hûs mei dêrefter in hôfke en in hôf. It hûs waard ferhierd oan in Klaas Douwes. It is bêst mooglik, dat dit hûs hjir by de Singel stien hat. In part fan Hemmema wurdt letter de “Borns-buorren” (> “Bonnebuorren”) neamd omdat de leadjitter/ laaidekker Hoito Godert ’s Born, ôfkomstich fan Ljouwert, hjir letter in streekje fan njoggen wenhuzen op sette litten hat. De huzen binne al wer ôfbrutsen. It plak wurdt no brûkt as fytsestalling foar de Hoaréka. (Sjoch de foto yn it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 194) De Berltsumer Born ’s stamme fan him ôf. Hy kaam út in Minniste sibbe. Sa binne der ek Minniste dûmnys west as in Hiddo en Feico Born De namme Born mei foarnammen as Hidde, Feico, Oneidus etc. komme yn BERLTSUM no noch foar. (Der is trouwens ek in sibbe dy ’t Oneidus (soan fan Oene) as efternamme hat). De Born‘s stienen yn de Frânske tiid bekend as Patriotten. Doe ‘t de Frânsken hjir kamen, stienen hja yn Snits mei de (ek Minniste) Ament ‘s te jûchjen fan bliidskip en hellen de Frânsken yn as “befrijers”. Hoite Born (*wie yn Snits keapman en stedsboade en waard letter ek noch tusken 1796 en 1798 ta riedshear beneamd. No noch stiet yn Ljouwert in Menniste dûmny mei dy namme. t. w. Harmen Thieden Ament. (Syn foarpake Harmen Thieden, troud mei Sjoukje Gongrijp, wie fan 1797 oant 1802 Gritenijsiktaris fan East-Dongeradiel.) Op it eilân Skylge wie koartlyn ek noch in notaris Mr. Herman Jan Ament en ek út dizze sibbe ôfkomstich. It wie de tiid fan ”Gelikens, (doe ek foar de Minnisten) Frijheid en Bruorskip.” No wer efkes werom nei Hemmema. De grûn, tún en it hôf fan “Hemmema” binne yn parten ferkocht, lykas it Griene Hôf, it Berghôf, it hôf oan it saneamde Molkepaed (no de Biltdyk neamd) ets. ets. Op it Berghôf hat de Berltsumer húsdokter Theodorus Risselada letter in filla del sette litten (no Bitgumerdyk 3) mei deselde namme. It soantsje fan him hat de earste stien lein. Dokter Risselada hat hjir ek yn de Minniste tsjerkerie sitten. Hotze Quader, de soan fan Jacob Gerben ‘s Quader, troud op 7 maaie 1687 te Marsum mei Hyke Hotzes, wie yn 1753 ûntfanger yn BERLTSUM. Hotze is ferstoarn om 1769 hinne. Syn pake wie Gerben Theunisz. (Quader, stoarn yn febr. 16 . . ) dy ’t foar 1643 al troud wie mei Saepke van Unia, de widdo fan Jacob Pietersz., en de dochter fan Sybren Fransz. Unia en Antie Jacobsdr. út it KLEASTER - ANJUM. De pake fan memmes kant wie Hotse Jans, brouwer te Marsum. (Om 1691 hinne bierbrouwer te BERLTSUM? ) Hy liet yn 1753 alle hagen en beammen op “Hemmema“ út de hân ferkeapje mar ek de âlde State mei foljêre, fuotstikken (pedestallen) mei fazen, potten, bylden, boarstbylden, izeren stekken, houten bôgen en túnkers ark. Hotse Quader sels wenne yn in hûs yn de Buorren mei in Ingelske skoarstien en de keamers wienen mei goudleerbehang behongen, de grutte koken wie mei lytse stien opset en de lytse koken mei wetterstien. De kranen wienen fan koper etc. De grûn rûn oan de Hôfsleane ta. It wie in grut hûs mei in rom hiem (hôf). Hy siet goed by kas. Hy hie ek in hôf oan it saneamde “ Jachtpaed” by “Hemmema” lizzend. Hotze Quader (yn 1745 lid fan it kolleezje fan Deputearre Steaten) is tusken en om 1770 en 1771 hinne stoarn. Yn april 1772 waard de gerjochte helte fan in dûbbele stuolte of beslettene bank yn de âlde Krústsjerke ferkocht. Dit wie nei alle gedachten de bank fan de âld-ûntfanger en frijfeint Hotze Jacobs Quader, stoarn yn 1770. De oare helte kin ek wolris oan dizze sibbe tabeheard hawwe. Der wie neist Hotze ek noch in (húsman) Gerben Quader as soan fan Jacob Gerben ’s Quader. Hy besiet in protte húzen en lân yn BERLTSUM, û./o. oan de Buorren, de Grytmanssteech en de Griet(mans)sleat. (de Grúsert). De luitenantscamp (de Kamp) wie ek yn eigendom fan dizze sibbe. Syn dochter Hycke Gerbens Quader wie op 27-3-1757 troud mei in Anne Jans Huidekoper. Hja krigen 2 bern, in Saapke en Jan. Anne Jans Huidekoper, berne te Harns yn 1730, is letter wer troud en wie ferfeanter te Hoogeveen. Hycke is hjir stoarn en begroeven yn januaris 1773. Hjir hat ek in Jan Anne ’s Huidecoper, ôfkomstich fan Menaam, yn BERLTSUM boer west. Hy wie yn 1698 berne te Harns as soan fan Anne Jan ‘s Fontein en Mincke Dreyer (ek skreaun as Minke Pieters Dreyn) en wie op 3-3-1725 troud mei Fokje Oldaens (Oudaen), de widdo fan Gerlof Folkerts Schellingwou, berne te Hârns op 10-6-1698 as dochter fan Pieter Jans en Rijkje Tjesma. Hy is yn 1746 yn BERLTSUM stoarn. Hy wie de heit van niisneamde Jan Anne Huidekoper. De (Minniste) tige begoedige famylje Huidekoper komt oarspronklik fan Harns wêr ’t in Anne Jan ‘s Huidecooper, troud mei Mincke Dreyer, om 1670 hinne in begoedigd keapman yn hûden (bont) wie. De Quader ‘s wennen hjir al yn 1640. Wêr ’t de Quaders oarspronklik wei komme koe ik net gewaar wurde.
Op 5- 4 -1716 is Saapke Quader, de dochter fan Jacob Gerben ’s Quader, boaske mei de Berltsumer dûmny Johannes Plantinus. Hja wie hjir yn BERLTSUM doopt op 30- 4-1699 en is stoarn op 13-12-1717 yn it kreambêd. It famke krige har memme ’s namme: Saapke. Dizze Saapke is net troud ferstoarn op 10- 1-1745. Der waard dêrom eartiids faak sein as froulju trouden: “de froulju steane no al mei ien foet yn it grêf.” Ds. Plantinus is letter jitris foar de twadde kear troud en hat doe wer in dochterke krigen, dy ’t him ek net oerlibbe hat. Yn of om BERLTSUM hinne hat ek noch in “Hammersma State” stien. Fan dizze State is hast neat bekend. Noch wêr ‘t de State stien hat noch wa ’t de bewenners west hawwe. Ek fan “Herema” of “Heerma State” is net folle bekend. De state stie besúdwesten fan Hemmema op it plak wêr ’t no de huzen Bitgumerdyk de húsnûmers 4 oant en mei 10 steane tusken de eardere oant 1963 hjir stien hawwende muzyktinte en hotel “Hof van Holland”. It yn 1880 boude hûs Bitgumerdyk húsnûmer 10 wurdt dêrom ek wol Heremastate neamd. Yn 1640 wie in Pier Arriëns eigner en brûker fan dit stik grûn en yn 1700 in Joannes Jarigs. Earder stie hjir yn BERLTSUM om 1100/1200 hinne in “Bongahûs.” (bewenner: Popck Bonga thoe Bonga hûs thoe BERLICUM en letter (wierskynlik) de sibbe Goffe Roorda thoe BERLIKUM en Spannum.) Ek hat hjir om 1439 hinne in Broechtsma Statte (State) stien.
Ds.Johannes Plantinus
(* Syn heit Godert Born wie yn 1735 rintmaster fan de stêd Snits
(Eardere staten te BERLTSUM wienen: in Bonga-Hûs (-Horne), Adelen State, Amkema Stins, Hammersma State, Herema State en as meast bekende de Hemmema Stins.)
HEMMEMA op BESSUM
It âldste neamen fan Hemmema, wurdt der sein, datearret fan 1439. As it hûs Hemmemma Statthem. Dit is net yn BERLTSUM mar by Bitgum, want der wurdt by sein te BESSUM en dat is in buorskip bewesten fan Bitgum. Yn Bitgum is no noch in Bessebuorren. De sibbe Hemmema sil dêrnei wol ferhúze wêze nei BERLTSUM. Want as wy Peter fan Thabor leauwe meie, wenne Doecke Hettes yn 1496 op Hemmema huys te BERLTSUM. It wie in fersterke stins dat mei in bolwurk fersterke wie tsjin it doetiids tige moderne sjitten mei buskrût.
JAN ANNES HUIDEKOPER en Fokje OUDAENS fan BERLTSUM
Anne Jans Huidekoper, yn 1662 berne te Harns as soan fan Jan Freercks, skuonmakker, en Romckje Annes, leerloaier en hûdenkeaper, troude op 24-6-1682 mei Elbrig Lases en letter mei Hinke Pieters Dreyer en is ferstoarn te Harns op 13-9-1727. Hy wie lid fan it skuonmakkersgilde te Harns en kocht wit hoe faak skuonmakkersperken op. Hy neamde him sûnt 1718 of dêromhinne mei de efternamme Huidekoper.
JAN ANNES HUIDEKOPER, berne te Harns yn 1681 of 1698 út it houlik fan syn heit Anne Jans Huidekoper op 24-6-1662 mei Elbrig Lases of út syn twadde houlik op 17-2-1694 mei Hinke Pieters Dreyer, is yn BERLTSUM stoarn yn 1746. Hy wie earst bont(hûde)reder en learloaier te Harns, mar fêstige him nei syn houlik op 3-3-1725 mei de te Harns op 10-6-1698 berne Fokje Pieters Oudaen(s) yn BERLTSUM. Syn soan Anne Jans Huidekoper, berne te Harns yn 1730 en keapman/ferfeanter is te Hoogeveen stoarn op 3-8-1799. Anne wie earst op 27-2-1757 te Harns troud mei Hyke Gerbens Quader fan BERLTSUM en is koarte tiid boer west te BERLTSUM oan de Wiersterdyk, mar is tusken 1765/1773 fehúze nei Hoogeveen as ferfeanter en wenne dêr yn it hûs mei de namme “Den Klunderberg”. Hy is letter stoarn te Hoogeveen op 21-1-1773 neilittende twa bern t. w. Saapke Huidekoper, troud mei Alberts Steenbergen, Schout te Hoogeveen en Jan Huidekoper troud mei Gertrude Stinstra. Anne Jans Huidekoper is nei it ferstjerren fan Hyke Gerbens Quader op 5-4-1775 te Vries yn twadde boask troud mei Gesina Frederica Wolters. Út dit houlik is op 3-4-1776 de te Hoogeveen Harm Jan Huidekoper berne, ien fan de trije dêr út dat houlik berne bern. (Sjoch hjirnei by Harm Jans Huidekoper.)
Hjir boppeneamde Jan Huidekoper, berne te BERLTSUM op 3- 3-1766, troude yn 1795 mei Geertruy Margaretha Stinstra, berne te Amsterdam op 26- 2-1776 en, lykas Jan, ek út minniste âlden. Neidat hja stoarn wie op 9-4-1808 yn huize “Boomrijk” te Breukelen troude Jan dernei mei Jacoba de Bie, en letter wennen hja yn Amsterdam. Foar de goede folchoarder, net syn syn broer Pieter Huidekoper, berne te BERLTSUM op 3-3-1766, mar syn soan Pieter Huidekoper dy ’t letter fan 18- 1-1842 oant 2 -11-1849 BOARGEMASTER fan Amsterdam west hat, wie op 24-1-1821 troud mei Sara Geertruida Margaretha van Eeghen (ek in ferneamde minniste sibbe) wêrby ’t hy twa dochters hie en wenne dêr oan ‘e Herengracht. Hy naam letter ûnslach fanwegen de ôfnimmende sûnens. Hy joech as boargemaster de oanset foar de plannen ta de oanliz fan it NOARDSEE-KANAAL. Hy waard beneamd ta Commandeur yn ‘e Order fan ‘e Nederlânske Liuw.
Yn Amsterdam is ek in strjitte nei him neamd.
Jan Huidekoper ûntfong syn earste foarming op de kostskoallen te Geertruidenberg en Alkmaar, besocht de Latynske skoalle te Oldenzaal en waard yn 1782 learling op it keapmanskantoar fan de hearen Hope en Comp. te Amsterdam. Nei him dêr yn de hannichheden tarêst te hawwen, bejûch hy him nei Noard-Amearika, kearde in jier letter nei Amsterdam werom, en fêstige him dêr yn 1795 as keapman. Hy wurdt letter ta lid fan de Municipalen rie fan Amsterdam keazen en yn 1804 ferlit hy Amsterdam en fêstige him te Breukelen op syn lânguod dêr oan de Vecht mei de namme “Huize Vrede en Rust”. (De Vechtstreek waard ek wol de “Minniste hemel” neamd omdat dêr in protte rike Minnisten yn grutte lânhúzen wennen.) Seis jier letter, doe ’t hy ûnderwilens as direkteur fan ‘den Levantschen Handel’ beneamd wie, kearde hy nei Amsterdam werom en waard koart nei syn oankomst dêr ta kommisaris beneamd fan de ‘Groote Visscherij’ en ta lid fan de Keamer fan Keaphannel. Yn 1825 waard hy beneamd ta lid fan de Steaten Generaal etc. etc. ....... ........ en einliks seach hy him ferearre mei it grutte fertrouwen dat de Kening yn him stelde, troch him it kommisariaat fan ‘hoogstdenselven bij de Nederlandsche Handelsmaatschappij op te dragen’. Jan Huidekoper is op 27 jannewaris 1835 ferstoarn en wie yn 1829 beneamd ta Ridder yn ‘e Order fan ‘e Nederlânske Liuw.
Syn âldste soan, Anne Willem (Jansz.) Huidekoper, op de 18de fan ‘e Hjerstmoanne 1796 te Amsterdam berne, hat it ek tige fier brocht yn ‘e maatskippij. Hy is doctor yn ‘e beide rjochten wurden en hat ek in protte publike funksjes hân. Hiel bûten ferwachting waard hy ta lid fan ‘e Steaten Generaal beneamd. Hy is op de 30ste fan de Rispmoanne yn 1841, net troud, ferstoarn.
De twadde soan Pieter, hjirboppe ek al neamd, wie te Amsterdam berne op 31-3-1798 en gie yn de saken fan syn heit en naam dizze nei syn dea yn 1835 oer. Yn datselde jier waard hy troch de Steaten fan Hollân ta lid fan de Twadde Keamer ferkeazen, mar naam de beneaming net oan. Syn mei-leden keazen him op 1-6-1840 ta lid fan ‘e Steaten fan Hollân, yn novimber dêropfolgjend gie hy oer nei de doe oprjochte Steaten fan NOARD-Hollân, (It Gewest Hollân waard yn 1840 yn twaën t. w. yn Noard- en Súd-Hollân splitse) en dizze ferkeazen him op 14-9-1841 yn it plak fan syn ferstoarne broer ta lid fan ‘e Twadde Keamer. Op 18-1-1842 waard hy troch de Kening beneamd ta boargemaster fan Amsterdam. Hy naam op 1 febrewaris dêropfolgjend, mei it each op dizze beneaming, ûntslach as Twadde Keamerlid.
De tredde soan Allert, berne te Breukelen op 9-6-1807, gie krekt as syn heit ek yn saken. Hy wie net in man, lykas syn bruorren, om op de foargrûn te trêdzjen, mar waard dochs op 3-9-1830 yn it distrikt Amsterdam (2) ta lid fan ‘e Provinsjale Steaten fan Noard-Hollân keazen. Hy wie troud mei Aletta Jacobs Rahusen by wa ’t hy behalve trije jong ferstoarne bern fiif dochters hie.
In oare telg út dizze woltierige sibbe, de hjirboppe neamde Harm Jan Huidekoper út it twadde houlik fan Anne Jans Huidekoper, hat in protte betsjutten foar de stêd Meadville (Pennsylvania) yn de U. S. A. In protte ynstellings waarden stipe as in Teologyske Hegeskoalle, in bibleteek etc. Dêr is no noch in Huidekoperpark weryn’t ek in boartersplak is foar de bern.
Sjoch it boek: Harm Jan Huidekoper by Nina Moore Tiffany en Francis Tiffany, Forgetten Books, published by Forgotten Books 2013, originally published 1904. Classic reprint series. PIBN 1000580105 www.Forgetten Books.org. Op Google is ek in protte te finen oer de sibbe Huidekoper. Sjoch by Famylje Huidekoper – De priesters van de Harlinger rijkdom. Een onderzoek naar de doopsgezinden en hun netwerken. (1650-1850)
Út dit yn it Ingelsk skreaune boek oerset: ....... ........ Jan Huidekoper hie 7 bern t. w. twa soannen in Anne en in Pieter en fiif dochters, wêrfan in Rijkje troud wie mei in Fontein. Dit minniste echtpear hie op syn minst, foar safier wy witte, ien soan wa ’t Pieter hjitte. (Hy, of ien fan syn ôfstammelingen, kinne nei alle gedachten hjir yn BERLTSUM buorke hawwe op de pleats oan de Wiersterdyk, dy ’t no noch de namme de “Fontein” hat of binne der de eigners fan west. Lammert Alberts Faber, troud mei Aaltje Tjeerds Terpstra, hat hjir as lêste buorke. Goasse Hylkes Miedema, destiids wenjende oan de Hôfsleane op húsnûmer 73, brûkte de pleats noch wer letter as “jierpelloats”.) Dochter Dina fan Jan Huidekoper wie troud mei in Taekle Simons Lam(b)sma, woltierich boer op Great Lammema oan de Hoarnestreek (no nûmere as húsnûmer 9) te Minnertsgea, hy wie lid fan ‘e Remonstrânske gemeente te Dokkum en dochter Catharina wie yn earste boask troud mei Gerlof Folkerts Schellingwou en dêrnei op 16-9- 1781 yn twadde boask (foar it gerjocht te Harns) mei in Allard Scheltinga, berne te Harns op 14-12-1730 as soan fan Ruurd Scheltinga, keapman, en Antje Feddriks Nieuwenhuis, reder, houthanneler, houtseager en yn 1778 ek as mei-eigner-feanter, dêrnei foar it gehiel as eigner fan de feanterij “Allartsoog” te Bakkefean dy ’t nei Allard neamd is. Allard wie earder op 26-5-1754 (foar it gerjocht te Harns) troud west mei Trijntje Gerlofs Scheltinga, berne te Harns as dochter fan Gerlof Pieters Schellingwou en Jetske Rinses Roorda. Twa dochters fan Jan Huidekoper t. w. in Elisabeth en in Hinke Huidekoper wienen net troud.
L. C. 15-2-1772.
Dr. Joh. Mebius, Secr. van Menaldumadeel, zal op Woensdag den 19 February 1772 te Elf Uur voor Noen op de plaats (oan de Wiersterdyk) te BERLICUM, by Anne Huidecoper gebruikt geweest, by Boelgoed verkopen ongeveer veertig Weiden extra wel gewonnen Hooy.
L. C. 29-12-1770.
Wort gepraesenteert uit de hand te verhuren en op May 1770 in te varen:
Een zindelyk en gerieffelyk huis, staande in den Dorpe BELKUM, voor aan de Straat (no it Hemmemaplein, It Skil en de Buorren) en agter aan de Rijdweg (no de Hôfsleane), bestaande in een Voorkamer met Engelsche schoorstenen en met goudleer behangen, een Agterkamer mede behangen, een keuken met steentjes opgezet, nog een klein Keukentje met Watersteen en twee koperen kranen enz. zynde nu door Old Ontvanger Hotze Quader met der dood ontruimt. Wie gading maakt, addresseere zig aan de Heeren P. Lyklama à Nijeholt te Workum, A. Lyklama à Nijeholt te Jorwert of aan de Dorpsregter S.(ietze) A.(nne ’s) Ypey te BELKUM.
DE EARSTE STIEN.
Op 3 Juli 1736 legde Jacob Paulus, grave van Aumale, 3 jaar en 3 maanden en 21 dagen oud, op 3 Juli 1736 de eerste steen (no yn it Frysk Museum) aan het huis van Gerben Quader, “oud-ontvanger tot BELKUM” (Jacob Paulus Greve D’ Aumale wie it tredde fan de seis bern fan Carel Duco D’ Aumale en Anna van Assendelft en de pake en beppesizzer fan Jacques D’ Aumale en Civile Susanna Baronesse Du Tour. Hy is letter troud mei Jacqueline Cornelia de Geer (tot Rijnhuysen.)
Jhr. J. C. Baron du Tour hat yn 1817 in beskreauwing ferskine litten fan in wurktúch om stêden, doarpen en grutte gebouwen te ferljochtsjen troch flamber gas út stienkoal.
SUSANNA CIVILLE d’ AUMALE
Susanna Civille d’ Aumale, markiezin d’ Haucourt (doopt te Ljouwert op 29-5-1740 – stoarn op kastiel Hardenbroek 30-5-1822), kastielfrouwe fan Hardenbroek. Dochter fan Carel Duco, graaf d’Aumale, markies d’ Haucourt (1693-1746) kavalerykommandant yn it Steatske leger en Anna Maria van Assendelft (1701—14-6-1768). Susanna troude op kastiel Hardenbroek mei Johan Adolph heer fan Hardenbroek, Lockhorst, Bergsteijn enz. (1721-1791) generaal yn it Steatske leger. Út dit houlik waarden twa dochters en fjouwer soannen berne. Susanna wie de jongste fan seis bern, wêrfan ’t twa jong stoarn binne. Har heit stamde út in oarspronklik Noard-Frânske aadlike sibbe. Har mem kaam út in Haagse regintesibbe. It gesin wenne ‘s winters yn Ljouwert oan de deftige Twibaksmerke, en simmers op Hemmemastate yn BERLTSUM. Har mem stoar nei in lang sykbêd, har heit oan de ferwûnings dy ’t hy by de slach fan Rocourt (Eastenrykske Suksesje-oarloch) oprûn hie. De besittings yn Fryslân (dus ek yn BERLTSUM) waarden ferkocht en de bern ferhúzen nei Útert ta wêr ’t hja troch harren tante Jacquelina Cornelia van Assendelft opfieden waarden.
L. C. 22-8-1953.
Dewijl het boelgoed tot BERLIKUM op den 6 Augusty geen voortgang heeft gehad; zo praesenteert H.(otze) Quader uit den hand te verkopen alle de Heggens en Boomen staande te BERLIKUM op de Plaats van wijlen de Graaf D’ Aumale: Wie daaraan gadinge maakt om te kopen, kan zig vervoegen by bovengenoemde.
(Leeuwarder Saturdagse Courant, den 18 Augustus 1753.)
DE ÂLD POARTE.
Âld Poarte –hoe lang stiestou foaroer, dyn greate grize maet, de âld toer?
Sa lang as BERLTSUM wurdt dan sein – hja steane elts op it doarps ein.
Hoe lang ha jim elkoar yn ‘t sicht – hâlde ús doarp yn ‘t evenwicht?
Âld poarte, dyn front tsjûcht fan gloarje – dyn groun is ryk ek fan histoarje.
Wy gean rom fjouwer ieuw tobek – bidoeld earst neffens dit bestek.
Mar tiid dy wit ek net fan lins – doe stie hjir de Hemmema stins.
Mei in greate tún hjir oan ferboun – dy lei mear op de Bildtse groun.
De namme dy is hjir fêst lein – wy hawwe in Hemmemaplein.
Sint Anne docht hjir ek oan mei – fuort by is in Hemmemawei .
Bauck Poppema, har namme is – ta neitins en ta tsûgenis.
Troch oermacht is hja doe fuotbrocht – en letter mei de dea bikocht.
Dit oersjoch is ús hwat to wiid – wy gean mear nei ús eigen tiid.
Eigen bistek is net forlern – rom sechstich jier nou mar omsjen.
Húshâldings yn in great forskaet – naem de âld poarte doe te baet.
De beage luts ek o sa swier – it moaste foar in bytsje hier.
Dochs koe it hjir fan fleur optille – de bern en ‘t jongfolk joech syn wille.
De tiidstream hat har oeral brocht – wurdt noch oan de âld poarte tocht?
De smûkens fan elts âlderstee – bliuwt by jin oer de libbenssee.
Sa foar de rúten oan dat paed – der wie in djippe wettersaed –
de trammen gongen hjir ek lâns – de hynstetram hie hjir sels kâns.
It Skil dat joech ek syn gerak – foar de bern in moai rom boartersplak.
Mei merke wie dit plak net frij – troch loftskommel en draeijerij.
De kij oan de Bitgumerdyk – dat trok altyd folle publyk.
Wy hâlde op, it leit nou oars – it wie hwat út de âlde doas.
De âld toer en de âld poarte – yn beider skaed haw ik wol boarte. (de poarte It Skil húsnûmer 13)
TOM. (Bauke Zwart , berne op 29- 5-1900 – stoarn op 29 – 4 -1983.)
L. C. 24-12-1920
Yn 1920 waard ferkocht: Een gebouw waarin 3 woningen, met hok ca. te BERLIKUM, bekend als de “Aumale Poort”, gelegen onmiddelijk bij het Tramstation in huur tot 12 mei 1921 bij Sj. Strooisma, wed. G. Runia en F. Born. etc. ....... ........
L. C. 7-11-1904.
(It saneamde pachters oproer, de Doelisten.)
Yn it jier 1748, it jier fan de reboelje en it ûnstjûr, waarden yn ’e jûn fan 5 Juny ........... op reces gescheiden tot Maandag 10 Juny, om te compareren ‘s morgens te 9 ure in de “Stads Schutter Doele” te Leeuwarden. Op genoemd tijdstip vinden we daar bijeen uit Oostergo:
Jan Doekele ’s RUNIA, Wirdum, Lieuwe Hessel ’s Hommema, Stiens, Jan Jansen van der Meij , Hallum, Lolke Hulshuis (HULSHUYS), Holwerd, (soan fan de kompanjyskriuwer en gritenij-siktaris fan West-Dongeradiel Claes Jille ’s Hulshuis en de yn 1688 berne Baukje Lolke ’s Hommema. Lêstneamden binne op 28-6-1711 te Ljouwert yn de Westertsjerke troud.) etc. etc.
Uit Westergo: HOTSE QUADER, BELKUM, Claes Fontein, Ried, etc. ...... ......
Uit Zevenwouden: Melle Claasen, Oudeboorn etc. ...... ......
Uit de Steden: Jonas Fransen Oldersma, A. Basseleur, etc. ..... ......
Op 2 july by it saneamde Doelisten (pachters) opskuor yn de Dongeradielen yn 1749 tsjocht in grutte mannichte út Ternaard op wei, de oanbuorjende doarpen wurde der ek by belutsen, en dan giet yn in grutte optocht op nei Holwerd.
Lolke Hulshuis, de soan fan Claes Jille ’s Hulshuis (1719 -1751) de Gritenijsiktaris út Holwert, waard mei 20 oaren feroardield en moast útwike nei Dútslân (Hamburch). De hulshuyzen komme oarspronklik fan Ljouwert.
Hjiroer giet in nijsgjirrich reissjoernaal út 1749 dat bewarre wurdt by it argyf fan it Frysk Genoatskip.
DE FJOUWER KERTIEREN:
Eastergo, it lân.
Westergo, it jild. (Westergo brocht yn 1600 3/7de fan de belêstingen yn Fryslân op.)
De Wâlde,n it ferstân.
De stêden, it geweld.
RIENCK VAN HEMMEMA (1535 - 1583) yn 1567 boaske mei Ath van ROORDA, dochter fan Riuerdt Riencksz. Roorda en Doutsen Hansdr. Sassinga, wenne earst op Hemmema State te BERLTSUM. Hy wie letter heareboer yn HITSUM. Hy is ien fan de meast ferneamde boeren út de Jeropeeske skiednis. Dat komt omdat hy in boekhâlding neilitten hat fan syn pleats om de jierren 1571 - 1573 hinne. Hans Mol en Paul Noomen binne der ynslagge om it lân en de pleats fan Hemmema yn kaart te bringen. Hy wie in pakesizzer fan Sicke Gratinga, en dy wie in pakesizzer fan Upke fan Hitsum. Syn mem Berber Gratinga wie boaske mei Hette Hemmema fan BERLTSUM. Rienk hie net allinne de aspiraasje fan lânjonker, hy wie it ek. Hy hat fan 1569 oant 1574 in “Rekenboeck off memoriaal” byhâlden. Dat wie yn in tige rûzige tiid. Der wie in oarloch tusken de Geuzen en Spanje, mar boppedat brutsen yn dy fiif jier de diken trijekear troch. En der kaam ek noch in lange en roetkâlde winter. Hy libbe as in ealman. Hy ûntliende syn status oan syn famylje en oan it hûs, dat er bewenne. Hy tanke ek in soad jild oan de houliksynbring fan syn frou Ath Ruurds Roorda. Rienck Hemmema is jong ferstoarn, hy waard mar 48 jier âld. Syn widdo troude yn 1583 opnij mei (* Tading Seerp ’s fan ADELEN, rekkenmaster, (sjoch it skoal-stjintsje yn de reade muorre oan de tsjerkhôfside fan it Herfoarmd Sintrum.) Hja kamen te wenjen op Hemmemastate te BERLTSUM. Dit wie Rienck syn âlderlik hûs. De pleats dêr ’t Rienck yn Hitsum wenne hie, krige letter de namme Roorda of Roordama. Tading van Adelen stoar op 14- 2-1624.
(* Fuotnoat:
Tading Seerps wie de soan fan Seerp Tadings Adelen en Teatske Tjerks Ammema. (Yn 1650 wie der ek in Capt. Gerrit van Ammama legere te Grave of Ljouwert. Besibbe oan Teatske?)
Sjoch ek de L. C. fan 16- 9-1991.
FERKEAP
By akte d. d. 16-6-1630 ferkeapje Riurd van Adelen, de soan fan Tadingh van Adelen te BELCUM en fan Ath van Roorda silliger en syn broer Rienck van Adelen in sekere state en lân lizzende te Hitsum, neffens mjittinge sântich pûnsmiet twa ynsen âlve penn en fiif roeden, oan Julius van Eijsinga, oerste-luitenant fan it Fryske en Nassauske rezjemint te Wurdum, foar de som fan 208 goudgûnen de pûnsmiet.
BEWENNERS HEMMEMA STATE:
Tusken 1450-1500 Doecke Hemmema, troud mei Bauck fan Popma. (Poppema *)
Om 1491 hinne Hette Doecke ’s Hemmema boaske 1.) mei Hil van Onsta 2.) Ebel Rienkdr.
1503 -
1503-1572
1572-1584
1584-1603
1603-1646
1646-1698
1698-1721
1721-1729
1729-1746
1747-
Doecke Hette ’s Hemmema / Bauck. / van Juwsma.
Hette Doecke’s van Hemmema boaske mei Barbara Sicke’sdr. van Gratinga.
Sicke Hette ’s van Hemmema, troud mei As Boyckema. (At Bootsma)
Sierck Sicke ’s van Hemmema.
Sicke Sierck ’s van Hemmema.
Doecke Sierck ’s van Hemmema. (de broer fan Sicke Sierck ’s)
Doecke Doecke ’s van Hemmema.
Civile Susanna du Tour de widdo fan Doecke Doeckes Hemmema
Carel Duco graaf d’ Aumale.
De hear Quader wurdt eigner fan de state. Hy hat Hemmema State ôfbrekke litten yn 1753.
*) De oan Bauck fan Popma besibbe Haring Poppema, Heer (Skout) fan Skylge en Gri(e)nd, is stoarn op 26-3-1553, en leit yn ‘e tsjerke fan Tsjummearum begroeven. Op 26-12-1587 leit in sekere “saudaet Doeckeson onder capit. Sakabets” as pasjint yn it Gasthûs te Middelburg, “afk. fan BELCUM by Franiker”. (In soan fan Doecke Hemmema?)
(foto: Hette van Hemmema.)
IN PORTRET fan HETTE VAN HEMMEMA, doe 65 jier âld,
de soan fan Doeke Hemmema en Bauck van Poppema, troud mei Barbara Greatnia (Gratinga), stoarn te Frjentsjer yn 1572, 76 jier âld, yn it hûs fan in Lieuwe Dirks en dêr begroeven yn de omgong fan de tsjerke en de Grytman yn 1531 fan MENAMERADIEL, skildere yn 1561, en it wurdt taskreaun oan de 16e ieuske Fryske skilder Adriaan van Cronenburgh. De opskriften op de list geane sa: Hette Hemmema. Anno Christo nato 1561 – nie als nu – Anno aetis suae 65. It portret hinget yn it Frysk Museum te Ljouwert yn de van Cronenburgseal. Hette die yn 1515 de eed fan huldiging oan KAREL V. en 40 jier letter oan syn soan Philips II. Van Cronenburg wie de sweager fan de bekende byldhouwer Vincent Lucas.
Hette soe nei dizze gegevens berne e yn 1496. Yn dat jier fûn in ferskriklike striid plak tusken de Skieringer en de Fetkeapers. Der is ek in testamint bekend fan Hette van Hemmema (1572)
L. C. 23-12-1961.
GEVELSTIENTSJE fan ien fan de eardere skoallen fan BERLTSUM yn de reade muorre oan de tsjerkhôfside fan it Herfoarmd Sintrum:
A.o MDCXVII SCHOLA HAEC VETUSTA COLLAPSA EX AERARIO PATRONI BELCUMANI READIFICTUR TATINGO AB ADELEN (Tading Seerps van Adelen) ADMINISTRATORE.
Oersetting: Yn 1617 is dizze troch âlderdom ferfallen skoalle wer opboud út it fûns fan de Patroan fan BERLTSUM ûnder it bestjoer fan Tading fan Adelen.
ÚS BAUCK.
BAUCK POPPEMA, ek bekend as Bauck Foppesdochter fan Popma en as Bauck Hemmema. (Berne op SKYLGE - stoarn te BERLTSUM yn 1501.) Har heit Foppe Popma en mem Wilsch Aedesdochter Gerbranda wennen op Skylge, wêr ’t har heit Haadling wie. (De Frysk-Grinzer sibbe Poppema of Popma is al hiel âld.) Dit pear krige 15 bern en trije fan harren slúten harren oan by it froulju’s kleaster Sion by Dokkum. Sjoerd Popma bewenne de stins op Easterein op Skylge. Mei Jarich Popma eindige yn 1502 de hearskippij fan de Popma ’s oer Skylge, neidat hja it mear as 200 jier bestjoerd hienen. Sjoerd Popma wie Hear fan (it) Grien en der Schelling.) Hja kaam út in gesin fan 11 à 15 bern. Bauck Poppema troude mei Doeke Hette ’s Hemmema (stoarn yn 1503) en út dit houlik waarden meardere bern berne, wêrfan 1 dochter en 2 soannen folwoeksen wurden binne. It pear wenne op Hemmemastate, mei dêromhinne in swiere ierdenwal, bolwurken en in grêft (stiennenhûs of wentoer) te BERLTSUM. It wie de tiid fan de rúzjes tusken de partijen, bekend ûnder de nammen SKIERINGERS en FETKEAPERS. Bauck har man hearre by de Skieringer partij. Yn 1496 spile Bauck Poppema in rol yn dizze striid. In oantal Skieringer Haadlingen hie yn de simmer fan dat jier ferskate oanfallen dien op doelen fan de Fetkeapers en dêrfoar woenen de Fetkeapers revanche nimme. Doe ’t Doeke Hemmema foar oerliz mei syn partijgenoaten yn Frjentsjer ferbliuw, foelen de Grinzer bûnsgenoaten fan de Fetkeapers Hemmema state oan. Op dat momint wienen allinne Bauck, dy ’t swier wie, har sweager Alef Hemmema en tweintich soldaten op de stins. (As wy Worp fan Thabor, 4e boek der Kronieken van Friesland, leauwe meie.) Earst bestoken de Grinzers de ierdenwallen mei bussen (kanonnen), mar sûnder resultaat. De ferdigeners skeaten rjochtte werom en wisten sa ’n folle Grinzers te deadzjen, dat hja de oanfal opjaan moasten. By de twadde oanfal (23 augustus 1496) probearren de oanfallers de stins tichterby te kommen troch de grêft mei hea te dimpen. De bewenners fan Hemmema skeaten dêrop it hea yn ’e brân. Op ‘en nij foelen der ûnder de Grinzers in protte slachtoffers: njoggen weinen fol deaden en ferwûnen waarden nei Ljouwert ôffierd. De Grinzers bliuwen lykwols folhâlden en probearren no mei in belegeringswurktúch (in saneamde “kat”) de stins te bemasterjen. Alef Hemmema seach kâns mei trije soldaten by nacht troch de belegering hinne te brekken om syn broer Doeke te help te roppen, mar dy kaam te let; op 3 septimber waard Hemmema State stoarmjenderhân oerweldige troch de Fetkeapers út Eastergoa, dy ’t harren bûnsgenoaten te help kommen wienen. Alle 20 à 25 soldaten, ien útsûndere, waarden troch de oerweldigers deade. Bauck is yn maaie 1497 wer frijkommen troch it útwikseljen mei de Fetkeaper Tsjalling Lieuwes (Jellinga), dy ’t troch de oertsjûge Skieringer Frjentsjerters finzen holden waard. Bauck Poppema is yn de histoarjegrafy in eksimpel wurden fan de ”manmoedige mannine”, de eale, heldhaftige Fryske haadlingenfrou.
De FRYSKE (Berltsumer) KENAU.
(Simonsdochter Hasselaar Kenau (1526-1588) wie in allinnesteande mem en eigneresse fan in skipswerf. Hja waard in leginde fanwege harren fûl ferset tsjin de Spanjoalen yn ‘e Tachtichjierrige Oarloch. Yn ‘e winter fan 1572 liedde Kenau mei harren frouljusleger it ferset fan Haarlim tsjin de Spaanske oerhearskers.)
L. C. 24-6-1886.
Bauck van Hemmema.
Yn de Grinzer passie fan de hear Meynert thoe Franecker is har lot ferwurde as folget:
Ze hebben ‘t gewonnen met een kat (in soarte fan oarlochsmasine)
Een wijl daarna zij worden gemat (oerwûn)
Als zij Do(e)ckes knechten hadden gedaan
Zijn huisvrouw zat op een wagen gevaan (finzen nommen)
Ende hebben zij gevoerd in haar gebied (Grins)
Dus had dat edel wijf groot verdriet.
********************
Winsemius jout oan dat Bauck yn de finzenis in twilling op ‘e wrâld set hat. Worp van Thabor en Schotanus lykwols skriuwe dat hja yn de finzenis befallen is fan “in dead bern”. De âldste boarne, Peter van Thabor swijt oer Bauck ’s swierwêzen en de berte fan ien as mear bern. Wol fertelt hy dat Bauck yn maaie 1497 wer frij kaam troch it útwiksjelen mei de Grinzer Fetkeaper Tjalling Lieuwes (Jellinga), dy ‘t troch de oertsjûge Skieringers yn Frjentsjer finzen hâlden waard.
L. C. 19-4-1947.
EEN FRIEZIN als stammoeder der Graven van Oxford.
(De roman fan Bauck Hemmema út BERLTSUM.)
Robert Vere, de graaf van Oxford trouwde met Bauck Hemmema. Bauck werd gravin van Oxford en vertrok van BERLIKUM naar het Graafschap van haar echtgenoot in Engeland. Zo werd een vrouwelijke Hemmema uit BERLIKUM één der stammoeders van de roemruchte graven van Oxford. Robert Vere had te Franeker gestudeerd en was bevriend geraakt met Sicco Hemmema die daar ook studeerde en dat leidde ertoe dat de Engelsche student herhaaldelijk – tijdens vakanties en bij andere gelegenheden – op Hemmema-State kwam. De Vere’s hadden eerder al in Nederland deelgenomen aan de slagen bij Sluis, Nieuwpoort en Ostende, mede door de officieële functies die zij bekleedden hadden ze hier vele relaties, waardoor het begrijpelijk wordt dat een jongere tak uit deze famile naar Nederland overstak om aan een in die tijd zoo gunstig bekend staande Hooge School te gaan studeren. Na zijn studie was hij weer naar Engeland terug gegaan, maar vele jaren later was hij Bauck nog steeds niet vergeten – en Bauck Robert niet – Op een dag verscheen hij plotseling in BERLIKUM in een koets getrokken door vier paarden en vroeg haar hand. Het huwelijk werd hier korte tijd daarna gesloten. Het gezin Hemmema bestond om 1600 heen uit de zonen Sicco en Duco en de dochters Bauck, Berber en At.
Bauck (Beatrice), de dochter fan Sierck Sickes van Hemmema en Lysbeth Jarges Lucasdr, is nei alle gedachten stoarn tusken1653 en 1657 te Great Bentley (Essex) Harren suster Berber (Barbera) troude yn 1616 te Ljouwert mei de yn Harns legere Ingelske kaptein, John Spencer, dy’t ek yn it Nederlânske leger tsjinne. Lysbeth Jarges harren heit wie de siktaris fan de Fryske Steaten.
(GOOGLE : De Gesta Fresonum. út de Apographa Juniana troch mr. Jan Willem de Crane, Frjentsjer, de 20-4-1836. Oer Franciscus Junius jr, de beselskipper fan de greve fan Oxford Robert de Vere * 1589 – st 19-11-1677.)
TJEDDE (TJEDE) PEKES, “de Fryske Jeanne d’Arc”.
Yn de slach by WREMEN, yn it lân Wursten binne hûnderten Friezen en Friezinnen ombrocht yn de striid foar de frijheid troch it leger fan Biskop Christoph fan Bremen. It Fryske leger waard yn 1517 oanfierd troch in famke fan 17 jier: Tjedde (Tjede) Pekes. Op 26-1- 2007 is foar har yn Wremen in tinkstien pleatst.
Yn BERLTSUM noch ek ris in tinkstien foar de “Fryske Kenau” Bauck fan Hemmema? It doarp sil hjirfan opfleurje.
Alle goede dingen besteane út trije. Dus neist it “Berltsumer hûntsje”, noch in oantinken foar “Pyt Poat” en foar “ús Bauck” ! ! ! Pyt Poat yn de dûmnys tún en ús Bauck foar it Poartegebou. De Berltsumer stienhouwer Peter Vastrick út de Buorren wol it meitsjen hjirfan fêst wol op him nimme.
Nammers de tinkstien dy ’t destiids makke is as neitinken oan it besyk fan nuntius Kardinaal Fabio Chigi fan Siena mei in 15 tal leden oan BERLTSUM yn 1646, de letter yn 1655 ûnder de namme Alexander VII. ta Paus keazen Kardinaal, heart einliks ek yn BERLTSUM thús. De tinkstien wurdt op it stuit bewarre yn it Frysk Museum yn Ljouwert. De stien heart yn de binnen-muorre fan de Berltsumer Koepeltsjerke mitsele te wurden, nei myn betinken. Sa bliuwt hjir de Berltsumer skiednis libben. It leit wol in bytsje foar de hân dat dy stien ek yn de eardere ôfbrutsen âlde Krústsjerke sitten hat.
Om BERLTSUM hinne wienen der de WETTERSKIPPEN.
û. o. mei de nammen “De Drie Dorpen”, “de Berlikumer Polder”, “Lauta”, mar ek wie der de “Hemmema Polder”. Letter binne de Wetterskippen allegearre sûnt 1971opgien yn ien grut wetterskip mei de namme “Noardlik Westergoa” mei in nij wetterskipshûs oan de Kleasterdyk yn BERLTSUM. De op de Schoanegevelshoeke (Hôfsleane húsnûmer 54) wenjende Gerard ter Haar wie de siktaris - direkteur fan it Wetterskip. Hy siet ek yn in protte oare bestjoeren fan ferienings yn BERLTSUM. It Wetterskip is letter yn 1996 wer fergrutte, no mei de namme “De Waadkant”.
(Foto: Hoeke Tsjerkestrjitte/Hôfsleane (Skoanegevelshoeke))
WANDELINGEN van mijnen oud-oom den opzichter door een gedeelte van FRIESLAND.
Oud-oom is de gewezen Opzichter Hotze Piers Wiekstra in 1750 vermeld door
H. van Rollema
Bijeen verzameld door uit de nagelaten papieren van eene Dorpspredikant.
w. o. ........ .......... “Geen komeet is er ooit geweest, of hij heeft iets kwaads beteekend” luidt het spreekwoord. Zoo volgde op de schrikkelige en vuurspuwende komeet van het jaar 999 eene zwaare pest en vreeselijke hongersnood, en op die van 1181, die nog veel onheilspellender was, daar bij deze staart naar beneden droeg, weder pest en groote sterfte onder menschen en vee. In het volgende jaar (1182) zag men er vier zonnen tegelijk aan de hemel staan, met gewapende mannen in de lucht en viel er bloederige regen en niet zonder reden; want kort daarop ontstonden er geweldadige hagel, sneeuw en windbuien, waardoor het zeewater overal instroomde EN ZELFS HET STADJE UITGONG, op de plaats waar nu BERLIKUM staat, geheel vernielde ........ etc ........ etc. en fierderop: ........... ........... Van Douwe Lautenbach , een zeer onvriendelijke kastelein van deze gewone uitspanningsplaats (“Huis ter Heide”) der inwoners van Bergum vernam hij, na vele beleefde vragen, niet anders dan dat deze herberg reeds lang had bestaan, en dat het stilhouden van den postwagen van Leeuwarden op Groningen hem nogal veel nering verschafte etc. ......... .........
Dit is Douwe Petrus Lautenbach, hy is ek besibbe oan ‘e Wierster en Berltsumer Lautenbachs. Hy wie earst boer en is letter hospes (kastlein) fan 1762 oant 1792. Hy wie op 21-5-1762, as widner, foar de twadde kear troud mei Tjitske Floris dy ’t ek kasteleinske wie. Hja wie mar leafst 23 jonger dan Douwe. (Sjoch ek it Lautenbachboek op de siden 122, 123 en 124)
L. C. 17-2-1878.
SICKE van Hemmema is in 1533 te BERLIKUM geboren, hij wijdde zich aan de studiën te Keulen, Leuven en Parijs, waarna hij Med. Doctor werd en zich welligt in zijn geboorteplaats BERLIKUM vestigde, terwijl hij in ’t huwelijk trad met At Bootsma, by wie hy zes kinderen had verwekt, toen hy in 1586 overleed. Door de uitgave van een werk: “Astrologiae ratione et experientia refutatae liber” in 1583 by Plantijn te Antwerpen gedrukt, had hij den moed zich tegen de dwaalbegrip pen zijner tydgenooten omtrent de sterrewigchelarij en den invloed daarvan op de richten (de gerichten, strafoordelen), te verzetten. Uit de lotgevallen van 30 personen toont hij de ydelheid aan van de kunst der horoscoop. Van verscheidene beroemde mannen vinde men in dit geschrift levens byzonderheden. Hy had een broeder Doeke Hemmema, van wien gezegd wordt, dat hij een bekwaam wiskundige was, die veel werk maakte van de meet- en doorzigtkunde.
(In man as dûmny Balthasar Bekker (1634 – 1698), ek in moedich man yn syn tiid, hat him ferset tsjin it folksleauwen, dat kometen rampen bringe soenen (Ondersoek der Cometen) en it folks-leauwen yn heksen, duvels e. d. (De betoverde Weereld.) Hy waard as dûmny ôfset.
L. C. 4-5-1792.
De Advocaat, Jacobus Tieboel te Workum, zal op Maandag den 13 Augustus 1792 by de Schryvinge ten huize van Hendrik Huiving, Castelein te BERLICUM, den 20 en 27 dito by de Verhoging en Provisionele Palmslag, telkens om één uur namiddag, publicq by Strykgeld aan de meestbiedende Verkoopen:
Een voortreffelijke huizinge en tuin c. a. staande en gelegen in den Dorpe BERLICUM, by M.(ichaël) Hulshuis cum uxore als Huurders bewoont, voor 52 Car. gls Jaarlyks. etc. etc. Een groote ruime Huizinge c. a. aldaar (HEMMEMA STAATE genaamd) by Haye Minnes (Hogendijk) c. s. als Huurders bewoond, voor 126 Car. gls. Jaarlijks. etc. etc. Een kostelyke Hovinge (het BERGHOF genaamd) meede aldaar, gr. 4 pm 6 einsen, 10 penningen, by R.(ein) Willem ’s (Spoelhof) en J.(an) Willem ’s (Spoelhof) Wed. als huurders gebruikt voor 160 Car. gls. Jaarlijks. etc. etc. Een schoone Hovinge gelegen onder Sint Anna Parochie (het groene Hof genaamd,) (= eveneens aldaar) gr. 1. 1/3 morgen, by Gatze- en Minne Minne ’s (Posthumus) als Huurders gebruikt voor 81 Car. gls. Jaarlyks. Een pondemaate bouwland mede aldaar (de Wilde Cingel genaamd) by Ype Sierds als Huurder gebruikt voor 20 Car. gls. Jaarlyks.
(Michaël Hulshuys, ôfkomstich fan Holwerd, skriuwer fan in Kompanjy Ynfantery, wie troud mei de fan Holwerd ôfkomstige Sytske Posthumus.)