DOARPS SKIEDNIS is in protte TSJERKE SKIEDNIS.
Út âlde tsjerkeboeken lykas de Tsjerkfâdijboeken, Diakonijeboeken, Tsjerkeriedsboeken en Lidmatenregisters, mar ek út (D.)oop, (T.)rouw en (B.)egraaf (D. T. B.) boeken kinne wy hiel wat gewaar wurde oer ús doarp en oer ús foarâlders. Oer harren dwaen en litten mar ek oer de lyts minslikheden dy ’t ús no ek net frjemd binne. Âlde keapakten, testaminten en rekkens kinne in boarne wêze om eat te witten te kommen oer wenplak, besittings en oare nijsgjirrichheden fan âld BERLTSUMERS. Ek it Archyf fan de Ljouwerter krante smyt bytiden hiel wat op. It is dan ek aerdich om dat ris nei te gean, mar de Ljouwerter krante giet net fierder werom as 1752.
De tsjerkeskiednis, en dêrom in part fan de doarpsskiednis, giet hjir yn BERLTSUM net fierder werom dan 1772, omdat it âlde archief en dêrmei ek alle boeken der net mear binne. Út de hannelings fan de tsjerkeried fan de Herfoarme tsjerke blyk, dat der ek alris in kear nei frege is wêr ‘t it tsjerke-archyf bedarre is. Yn it ferslach fan de tsjerkeriedsgearkomste fan 6- 3-1873 kinne wy it folgjende lêze: “Meidat de tsjerkeried ynljochte is, dat in protte stikken behearrende ta it tsjerklik archyf al likernôch foar it ynsjen ôfstien binne oan de doedestiids op “Great Terhorne” te Bitgum wenjende Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg. Mar dat dizze stikken nea werom ûntfongen binne. Sa waard besletten, om oan de tsjintwurdige bewenner fan neamd slot, in neikommeling, fan niisneamde Baron, de Hear G. W. C. D. Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg, út namme fan de tsjerkeried te fersykjen of faaks ûnder de stikken, dy ‘t of it moat wêze, noch oanwêzich binne, der ek noch fûn wurde soenen fan it Berltsumer tsjerke-archyf, en sa ja, oft Z. H. W. Berne Hear dan reewillich wêze woe, dizze oan de tsjerke-ried ta te stjoeren.
(Sjoch de brief d. d. Maart 1873 nûmer 1.)
De stikken binne net werom fûn, sa hat bliken dien en dat is jammer. De enoarme bibleteek op “Great Terhorne” dy ’t yn 1708 mar leafst 20.000 titels befette wie yn 1864 op 11 Oktober ferkocht. No docht wer bliken as sa faak bart: “Boeklieners wurde boekhâlders”.
Lokkich hat de âld-Berltsumer dûmny Petrus Nota ús noch hiel wat oerlevere. Hy wie hjir yn 1775 te wenjen kommen as dûmny fan út de kombinearre tsjerken Peins en Sweins. Yn 1777, dus twa jier letter, is de âlde tsjerke ôfbrutsen en de nije Koepeltsjerke wer opboud. Twa jier lang hat der op it tsjerkhôf in houten loads stien wêryn de tsjerketsjinsten hâlden waarden. By de “ynwijinge” fan de nije tsjerke en it oargel is der in boekje ferskind mei de titel:
Twatal fan tsjerklike “leerredenen gedaan, De eene ter inwijinge van de nieuw gebouwde Kerk te BERLIKUM, (22- 8-1779) en De andere ter inwijinge van het nieuwe Orgel in gemelde Kerk opgerigt, (16- 7- 1780) benevens Een aanhangzel, betreffende de Oudheden en voornaamste Gebeurtenissen van den Dorpe BERLIKUM.”
It boekje is útjûn by Dionisius Romar, destiids boekferkeaper te Frjentsjer yn 1781. Ds. Nota wit hiel wat te fertellen oer de tiid fan foar 1772. Hy fertelt û. o. dat hjir op 2-2-1598 in dûmny Claas Jans (Nicolaus Joannes) stien hat, dy ’t skreaun hat dat hy yn 1598 begûn is om oantekening te hâlden fan de trouden en lidmaten yn it âldste tsjerkeboek dat doe foarhânnen wie en dat syn lêste skrift foarkaam yn it Diakonije rekkenboek fan 14- 5-1620. De grêfstien lizzende yn de tsjerke fermelde ek dat dizze dûmny fan 1606 oant 1620 dûmny west hat fan de kombinearre tsjerken BELCUM / WIER. Hy is ferstoarn op 10- 1-1620. Hy wie 50 jier âld. Syn wiif rêste mei him en 10 bern ûnder deselde stien. Ek witte wy fan him, dat hjir twa Stelma ’s as skoalmaster wenne ha. Dat hjir in mr. bakker en winkelman Ruurd Meintes (1616 – 5-5-1687) wenne hat dy ’t âlderling en tsjerk- en earmfâd wie. Hy wie boaske mei Grietje Oepkes en dêrnei mei in dochter fan de âld-Berltsumer dûmny Jonas Olaus N. (1643 - 1656) en syn frou Catharina Bennincks. Dizze dûmny wie ôfkomstich út Noarwegen en wie earst Lúthers, dêrnei Grifformeard, dan wer Lúthersk en einliks wer Grifformearde dûmny. Hy mocht ek wol in pear slokjes, somtiden wat te folle, dat hy it paad altyd net rjocht hâlde koe. Mar dat komt wer út oare boarnen. De letter N. betsjutte Norwegus. It wie in tige bejeftige man.
It Herfoarme DIAKENBOEK neamde ek, dat hjir “gedurig aan Engelsche Edellieden, Soldaten, Bootsgezellen en andere vreemde passanten geschenken gegeeven zijn; de hoogste som was van den 1 Mey 1657 tot den 30 Sept. 1658 de som van 49- 17- -: dit verminderde allengskens, in ’t geheele jaar 1674 was ’t niet meer als 10- 16- 8. en hield eindelyk op”. Diaken wie yn 1644 û. o. in Feddrik Jacobs. Oer de opfolgjende dûmny, Gregorius Mees (1656 - 1657) docht ds. Nota te witten, dat dy hjir yn BERLTSUM 148 lidmaten oantrof. (fan BERLTSUM wie hy nei Kantens feroppen en letter yn 1676 is hy yn Rotterdam feroppen op in salaris fan mar leafst fl. 1458, -) Hy is letter op 30-5-1680 by it oerfarren fan de Maas by Rotterdam by in drama belútsen rekke, doe ’t hy mei syn húsgesin (5 bern) yn in skûtsje omsloech, syn frou, in soan (Allart) en in dochter (Anna) seach hy foar syn eagen ferdrinken en hy ûntkaam sels amper. Dit barde op Himelfeartsdei 13 Maaie 1680. Sa kriget in elts syn part te ferwurkjen yn it libben. Fan him is in portret gravearre troch A. Vaillant nei in skilderij fan B. Vaillant.
(Foto: Ds. Gregorius Mees)
L. C. 6-8-1924.
BERLIKUM in MENALDUMADEEL.
Van Friesche steden en dorpen, merkwaardige gebouwen en hare geschiedenis.
L. C. 19-5-1926.
Vele kerken zijn onder den onvloed van (Klooster) Lidlum gebouwd te BERLIKUM, Firdgum, Winsum, Baijum etc. ...... .......