De godtsjinstkwestje is wiidwreidich behannele op de Lândei fan maart 1580. De ferskate Kwartieren stelden ûntwerpen op en op grûn dêrfan moasten Deputearren mei inkelde tafoege Volmachten de saak regelje. De sa opstelde résolúsje fan 31 maart 1580 (Wite Tongersdei) ferbea koart en goed alle útoefening fan de pauslike religy en ferklearre alle benefysjes fakant en heven alle kleasters op. De sa út harren breawinning stjitten geastliken koenen in pensjoen krije út harren eardere benefysje of fan de nije eigners fan it kleasterguod, it lân of de stêden. Sa ferkochten Julius van Botnia en Douwe Sixma as kommissarissen fan Deputearre Steaten op 8 juny 1580 hast alle hout, -glês-, pan-, lei-, en izerwurk fan de Abdij Lidlum mei útsûndering fan it hout dat foar in syl nedich wie.
YSBRAND fan Harderwyk wie hjir om 1550 hinne Pastoar yn BERLTSUM. Letter is hy Abt wurden fan it Kleaster-Lidlum by Easterbierrum. Dêr is no noch in Kleasterwei as oantins. Yn ‘e tiid dat hy dêr Pastoar wie luts de Herfoarme leare syn oandacht, mar de bangens foar ferfolging wjerhâlde him om dy leare te beliden, Nei ‘t hy yn 1568 syn ûntslach as Abt frege en krigen hie, hat hy iepenlik de Herfoarme leare oannommen en is nei Frankfurt ôfreisge. (Sibrandus Leo skriuwt yn syn kronyk: nei Embden) Hy is yn Keulen yn 1571 ferstoarn. De earste learaar en dûmny fan ‘e Herfoarme (Reformearre) tsjerke (gemeente) hjir wie yn 1583 nei alle gedachten:
1.) HERMANNUS Luïnga (* ek wol Peisanus neamd, berne te Peize yn Drinte?), troud west mei Margaretha Jacobs, wie hjir foar 1589 dûmny doch nei 1589 fuortgien nei Snits. Yn 1595 wie hy praeses fan de Snitser Synoade en yn dy hoedanichheid hat hy it Rekest (fersykskrift) oan Keningin Elisabeth fan Ingelân ûndertekene wêr by’t de dûmnys fan Fryslân de hege oerheid fan ‘e Feriene Nederlannen opdroegen. (De greve fan Leicester wie yn desimber 1585 troch keninginne Elisabeth fan Ingelân mei in leger nei de bedrige Nederlannen stjoerd.) Syn soan Rudolphus wie yn 1613 dûmny te Sint Anne. Yn de jierren 1585 en 1588 wie hy lid fan de Synoade en yn 1587 Praeses fan dit Kolleezje. Ek hat hy yn meardere Synodale kommisjes sitten. Hy libbe yn 1595 noch.
OP 2-12-1580 kaam de eksekuteur fan Menameradiel yn WIER oansizzen dat de pastorije dêr meibetelje moast oan it ûnderhâld fan de dûmny te BERLTSUM.
2.) GERLACUS (Habbonis?) Habboma, troud mei in Liefke Klaas Gerritsdr. Potter is hjir yn 1590 yn tsjinst kommen. Yn Synoadale akten fan 1590 wurdt meld, “dat hy lêstendeis yn BERLTSUM yn tsjinst kommen wie”. (letter nei Dearsum en Poppenwier foar of yn 1595 - 1629), ds. Gerlacus Habbonis (Habben, Habbema) ferstoarn yn 1629, wie ôfkomstich fan út East-Fryslân. Dêrfoar út ús Fryslân (berne te Dokkum). Hy hat studearre yn Heidelberg (1584) en Frjentsjer (1587). Hy is nei alle gedachten de soan fan dûmny Habbo te Wigboldsbur (1563) yn East-Fryslân of fan Habbo Okjuis te Twinlum en Uplewert ek lizzende yn East-Fryslân en is wierskynlik in pakesizzer fan Gherhardus Habbonis te Leer East-Fryslân, dy ’t yn 1520 studint wie te Rostock. Hy is mooglik ek besibbe oan Gabbe Jouckes Habbema, siktaris fan de Gritenij West-Dongeradiel (1580-1604) wenjende te Holwert en troud mei Magdalena Vos. Klaas Gerrits Potter , út in Dokkumer regintensibbe, wie efterfolgens grietenijsiktaris fan Baarderadiel en Doniawerstal. Ds. Gerlacus feroarsake letter swierrichheden, want hy hie yn 1598 nei alle gedachten yn in oar doarp, by in stel thús, it houlik slúten. Yn 1598 waard hy op fersyk fan steedhâlder Willem Lodewijk nei Drinte stjoerd om dêr de Reformaasje yn te fieren, mar hy doarde net “om de viant”.
3.) (Jhr.) HENRICUS Hinckena (ek Hinckema) ab Hinckenburg yn 1595. In ealman berne yn 1579 te Embden, dy ’t op 10- 7-1603 boaske wie mei de ek út Embden ôfkomstige Syts (Sydtske) Keimpesdr. van Donia. (Hy wie earst dûmny yn Norden (East Fryslân). Letter om 1598 hinne is hy nei Britsum gien. Yn 1611 wie hy Deputearre fan de Synoade. (scriba) Hy is dêr ferstoarn op 21-9-1615 en dêr begroeven op 26-9-1615 yn de grêfkelder fan de sibbe Hinckena ab Hinckenburg. De sibbe van Donia wie dêrnei eigner fan de yn 1732 ôfbrutsen Hinnema (Hinckena) state te Jelsum. Henricus wie yn Britsum (om 1601 hinne) eigner fan Lettinga State. Hy wie earder troud west mei Ebel Sippesdr. van Scheltema en dizze testatearre yn 1596 noch te BERLTSUM. Syn 3 dochters binne allegear troud.
(Mear oer de state Hinnema is te lêzen yn dit e-book en yn de L. C. fan 10-11-1887.)
4.) NICOLAAS Johannes (Nicolaus Joannis Snecanis) (fan Snits) yn 1598 op 2 Febrewaris fan Grou. It is ds. Klaas Jans Monsma, troud mei Elisabeth Arends. Hy is berne yn 1570 en hjir ferstoarn op 10- 1-1620. Op syn grêfsark stie, dat hy fan desimber 1606 oant 20 augustus 1620 ek de gemeente fan WIER betsjinne hat. (ferdwûne stien yn ’e tsjerke: ......... 1621 den 10 ianuaris in de Heere gerust de eersame Nicolaus Iohannis Snecanus ........ des goddelikcken woorts te BELKUM en WIER ....... old 50 iaren. Syn namme komt ek foar yn de quaclappen.
(Syn frou Elisabeth rêst hjir mei harren man en 10 bern ûnder deselde stien)
Hy preke de middeis yn WIER, betsjinne dêr it Hillich Nachtmiel foar it earst op 24-12-1609 en foar it lêst op 2-4-1620; earst ienkear en dêrnei twaris yn ’t jier.
(In soan fan dûmny Nicolaas Monsma, t. w. Alger Clasen Me(i)nsma (Monsma) is yn BERLTSUM berne yn 1608. Hy gie hjir (tegearre mei Willem Pieters) yn de lear foar sulversmid by de lokale master Timon (Thomas) Joostes. Alger Clasen gie dêrnei nei Ljouwert wêr’t hy yn 1632 de mastersproef ôflei foar it goud- en sulversmeden gilde. Alger is yn 1678 te Ljouwert ferstoarn. Syn soannen Claas (ofwol Nicolaas) Algers Mensma (berne yn 1636) en ferstoarn yn 1698 en Arjen Algers Mensma (berne yn 1646) en ferstoarn yn 1691 waarden ek sulversmid yn Ljouwert. De soan fan Nicolaas, Alger Clasen II. Mensma (berne yn 1682) triek nei Amsterdam, wêr’t hy as sulversmid in tige ferneamdenien waard. Hy kaam yn 1757 nei Ljouwert werom, mar it is net bekend wannear’t hy stoarn is.) Willem Pieters troude letter yn 1647 te Harns mei Grietie Gerrits Stockmans en wie hjir fan 1638 oant 1641 sulversmid yn BERLTSUM.
5.) BALTHASAR Stuyfsant is op freed 19 july 1622 hjir kommen fan Skerpenseel (by Wolvegea), letter yn 1634 is hy fuortgien (troch de Fryske Steaten oerpleatse) nei Delfsyl en dêr ferstoarn op 26-5- 1637. (Sjoch: Reboelje yn BERLTSUM.) Hy wie in soan fan de Dokkumer kastlein Joannis Balthazi Stuyvesant (berne plm. 1541 te Dokkum - stoarn te Dokkum yn 1573.) Balthasar Stuyvesant wie yn 1619 mei fjouwer kollega’s, 80 âlderlingen, diakens en gemeenteleden belutsen by de aksje om de gritenijsiktaris Franckena ta grytman te beneamen. Op grûn fan proteksje fan Deputearre Steaten waard dûmny Stuyvesant yn 1622 yn BERLTSUM beneamd.
(“Den 19 Juli 1622 op een Vrijdag, ben ick Balthasar J. Stuyfsant, met mijn huisvrouw en de kinderen (Pieter en Anneke ?) tot Belcom, met der wone gecomen”.)
6.) VINCENTIUS Jacobi Hempenius, (Canabaeus) berne te Hempens ca 1575 as soan fan Jacob Cornelis, pachter te Hempens en Anna Claes dr. kwam op 22 april 1634 fan Dokkum. Hy wie dêr troch de magistraat fuortwurke. Alle 4 bern út syn earste houlik binne te Lekkum yn de earste wiken nei de berte stoarn. Hy is op 1-7-1638 te BERLTSUM (yn twadde boask) troud mei Anke Theodorici, de dochter fan de dûmny fan Dronryp, Theodoricus Petri en is hjir ferstoarn op 19 novimber 1641 en yn de tsjerke neist syn earste frou (Trijntje Fockes Hettinga, dochter fan Focke Hettinga, boer te Lekkum en Jedts Gaetzedr., stoarn te BERLTSUM op 19-4-1637) begroeven. Syn yn BERLTSUM út syn twadde houlik berne soan, doopt op 24-11-1639, t. w. dr. Jacobus Hempenius komt yn 1665 yn Ljouwert te wenjen en wie sûnt 1-9-163? dêr abbekaat fan it Hôf fan Fryslân. Jacobus is te Warkum stoarn yn 1714. Syn pakersizzer, ek in Vincentius Hempenius, wie û. o. dûmny te Waaxens. De namme Hempenius komt fan it Fryske himp (canabis) en ek fan it doarp Himpens. Hy wie de lêste dy ’t ûnder de Klassis Frjentsjer behearde. Vincentius is frijwol seker yn Himpens berne, fandêr ek de namme Hempenius. (Hy skriuwde himsels ek wol as Vicentius Jacobi Hempens)
7.) JONAS Olaus (Claus) (N) (** yn it lêst fan 1642 fan de Jouwer, hy wie troud mei Catharina Bennincks en is hjir ferstoarn yn 1655. (foar de Jouwer hie hy mar in lyts jier yn Marsum stien.) Jonas Olaus, grifformeard dûmny te Krefeld (D.) doe bestjoerd troch it Hûs fan Oranje, waard Lúthersk dûmny te Hoorn (1631 - 1638), studearre medisinen yn Frjentsjer en waard dêrnei dûmny te Marsum. (J. O. Olaus ek wol skreaun as J. O. Olaï d. w. s soan fan Olaus.) Hy moast yn 1651 yn de classis Ljouwert terjocht stean fanwege dronkenskip.
“Getrouwden en gedoopte schreef hij (ds. Olaus) niet op maar ten aanzien van gedoopten is dit vergoed door de successieve schoolmeesters Pieter Daniëls Stelma, die mede vreemdeling uit Pom(m)eren was, en Paulus Jochums, op 17-6-1649 geh. met Beero Goyckensdr. In 1664 afk. van Lemmer, eerder van Oldelamer, deeze hadden voor zich zelven daarvan aantekening gehouden, welke door ds. Nollius Hajonides naderhand is te boek gesteld. Eerstgenoemde schoolmeester had dit ook gedaan in de vacature voor de komst van ds. Stuyfsand en Hempenius die het geboekt hebben. Nergens vindt men de sterfdag van ds. Olaus gemeld die in den jaare 1655 geweest is” skriuwt dûmny Nota oer de Berltsumer histoarje.
8.) GREGORIUS Mees, yn 1656 op 8 juny fan Grins, syn berteplak (op 1-1-1631 as s.f. Jeremias Mees en Annechien Sijgers) wêr’t hy studearre hie ûnder Samuël Maresius, letter yn 1657 nei Kantens. Hy wie hjir op 16 novimber 1656 troud mei in nicht fan de Grinzer boargermasters-frou, Rudolpha (Roelfyn) Allerts Santvoort troch ds. Ger. Hasius fan Bitgum. Foar de twadde kear op 19-10-1682 te Rotterdam troud mei Maria Joans de Mey, lykas syn earste frou ek fan begoedige ôfkomst. (sjoch ek by: de Meije en van der Meije yn dit e-book). In Johan de Mey wie lid fan de froedskip fan Rotterdam en in Gregorius de Meij wie dûmny te Gouda. Ien fan syn soannen is ek dûmny wurden en syn dochter Talitha troude mei de begoedige Jacobus Phenix.
Hjir wienen 148 lidmaten en doe ‘t er hjir tahâlde waarden der 61 persoanen op belidenis oannommen. It sille hjir ek wol in protte “leafhawwers” fan de Grifformearde lear west hawwe. Nei de Reformaasje wienen hjir yn Nederlân mear “liefhebbers” (gastleden) dan lidmaten fan ‘e Nederduyts Grifformearde (Nederlânske Herfoarme) tsjerke.
(Foto: GREGORIUS Mees)
Gregorius Mees hat letter sûnt 26-5-1661 û. m. ek dûmny yn Rotterdam west en fan syn soan Rudolphus stamme alle Súdhollânske Mees sibben ôf. Hy fia soan Rudolf de stamheit fan de bankiers fan it bekende bankiershûs Mees. (Letter Bank Mees & Hope, wêr’t yn 1971 ek de hjir yn Fryslân bekende Makkumer kassiersfirma Kingma, letter yn 1919 omset yn Kingma’s Bank N.V. , ek noch as dochter diel fan út makke hat. Gregorius Mees is stoarn op 21-9-1694 te Rotterdam.. Gregorius syn heit hjitte Jeremias Mees, collecteur, letter 1e klerk by de Ûntfanger-Generaal te Grins en de pake fan Gregorius, syn nammegenoat, kaam út Aken en wie dêrhinne flechtte fanút de súdlike Nederlânnen en hie him letter yn Rotterdam fêstige.
Mees skriuw û. o.: De Landdag predikatie, Zions worstelperck, vertoonende een Goede strijdt tegen den quade vijandt, verdeelt in vijf bedenckingen over de woorden Jac. IV: 7. Wederstaat den Duijvel, en hij zal van u vlieden. Achter ijedere bedenckinge is ghevoeght een hertelijke alleenspraecke met Godt, een stichtelijcke lofsang tot Godt. Tot. Leeuw. 1670. Opgedragen aan de Dier gekochte, gode geheijligde en seer geliefde medeburgers der Heijligen en Huijsgenooten Godes, bezonderlijck in Groningen, Cantens (in de Ommelanden), BELCKUM ende Coudum (in Friesland) met verzen van Dr. Johan Mees (Syn ek yn Grins berne âldere broer, dy’t lang yn Parys wenne hat, doch letter dr. medicus yn Grins wie en ek de Nederlânske “poëzij” beoeffene.) en Andr. Ten Have, predikant te Pekel-Aa.
9.) NOLLE (Nolke) Haayes (Nollius Hajonides) de soan fan Haaie Gerbens en Tjitske Nolles, as kandidaat hjir kommen op 22 febrewaris en as dûmny befêstige op 5 july 1658, boaske mei Auckie Claesdr., letter yn 1666 nei Embden (Ost - Friesland, Dútslân), Syn pakesizzer Nollius Hajonides jr., berne te BERLTSUM, wenne sûnt 1729 te Ljouwert (Is in mounders sibbe wurden mei de namme van der Meulen.) Nolle wie yn 1664 te Warkum yn twadde boask troud mei Anna Schotanus van Rinckema fan Snits. Hy is stoarn op 19 febr. 1671 en leit begroeven yn it koar fan de Grutte tsjerke te Embden. Syn ienichste soan Gajus Hajonides, berne út it earste houlik te BERLTSUM op 31-1-1660, waard by syn doop op 5-2-1660 Haje neamd. Hy wie û. o. fan 1683 oant 1687 dûmny te Doanjum. Nolle Haayes wie in bevinlik preker.
(As fakatueres te lang duorren waard der fakentiden in twingjend berop dien op de keazene dûmny om dochs sa gau as mooglik wie te kommen. Sa moast Nollius Hajonides al op 5 july 1658 te BERLTSUM begjinne, ek al wie syn berop noch net goedkard, “opdat sodanigen populeusen ghemeente niet worde verwoest”. Dus út aengst foar tanimmende ûntstjerklikens.)
10.) GOTHOFRIDUS (Godofredus) Viglius Buygers. Op 8 jannewaris 1667 as kandidaat hjir kommen, en as dûmny befêstige op 3 maart 1667. Gothofridus wie yn 1670, as widner fan (* Aukje Ernstes Unia, (hja wie de widdo fan Laes Folperts Baerdt), fâd oer syn 2 minderjierrige bern. Hy is op 12-3-1680 foar it gerjocht te Ljouwert foar de twadde kear troud mei de widdo fan luitenant Cornelis de Baar (Baerdt), Helena Cammingha. Hy is yn 1639 te Ljouwert berne as de soan fan de yn 1657 ferstoarne Ljouwerter dûmny Viglius Cornelis en Hester Ottes dy’t in talryk gesin fan 11 bern hiene en hy is hjir stoarn op 19-3-1685 yn de âldens fan 46 jier. (Syn grêfstien leit hjir yn de tsjerke)
(* Aukje wie de dochter fan Earnst Folckerts en Saep Watsesdr. Unia. Syn broer Cornelis Viglius wie klerk foar de provinsje Fryslân oan de Griffie fan de Generaliteit.)
11.) GAJUS Hajonides, hjir berne te BERLTSUM op 31- 1-1660, by syn doop Haaije Nollessoan neamd, op 21 okt. 1686 fan Doanjum kommen, is yn 1687 boaske mei Tryntje (Lijntje) Coops ôfk. fan Ljouwert, en hy is hjir ferstoarn yn novimber 1708. Hy wie de soan fan earder neamde Berltsumer dûmny Nollius Hajonides. Nei july 1706 hie skoalmaster Cornelis Gelli de doopten en trouden opskreaun. Hy fûn hjir op 1-1-1637 203 lidmaten yn getal, yn 1656 148, yn 1634 92 en yn 1598 mar 94 lidmaten. Master Gelli ferhierde om 1700 hinne in earder hûs op it plak wêr’t no de Monty Bar stiet oan it Skil op húsnûmer 3 oan in Aafke Walings. Hy wenne sels yn it skoalhûs oan de Bûterhoeke wêr’t no it Herfoarmd Sintrum stiet. Master Cornelis Gelli kaam hjir yn 1667 fan Britsum wêr’t hy mar in jier as skoalmaster stien hie.
12.) LUDOVICUS Timen Pielat, as soan fan de Waalske dûmny Phinéas Pielat op 1-6-1691 berne te Rotterdam **) (De sibbe Pielat komt oarspronklik út it Prinsdom Orange yn Frankryk en moast letter yn 1685 flechtsje nei it werroppen fan it Edict fan Nantes. De saneamde Frânske Hugenoaten) Yn juny 1709 kandidaat te Frjentsjer, yn 1709 nei BERLTSUM en yn 1714 nei Assendelft. (hy is wierskynlik earst noch militêr west,) op 31-9-1711 te Haarlim troud mei Alida Adriana de Vernatti, ôfkomstich fan Útert. De yn 1714 te BERLTSUM berne dochter Beatrix Albertina Pielat is op 26-7-1750 te Den Haag troud mei Mr. Johan de Kempenaer út de bekende sibbe Van Andringa de Kempenaer. Syn nei him ferneamde pakesizzer is de te Alkmaar op 9-8-1752 berne Mr. Ludovicus Timen de Kempenaer.) Pilat hat yn Den Haag op 15 april 1748, Prins Willem de V., de lettere steedhâlder doopt, yn print brocht troch in S. Fokke. (dit sil wol yn ‘e Âlde Hôfkapel op it Binnenhôf west ha, tink ik, want dat wie de lettere Waalske tsjerke) Pielat is ferstoarn yn 1750 yn it hûs fan syn boppeneamde dochter Beatrix. Pielat kaam hjir yn BERLTSUM ûnder it fraachlearen yn oanfarren (ofwol yn swier waar terjochte ) mei de Menniste Sociniaan Marten Jacobs, boer (húsman) yn it KLEASTER - ANJUM en lekepreker by de Berltsumer Minnisten.
(Foto: portret / gravure út plm. 1740 fan ds. Ludovicus T. Pilat skildere troch J. Vollevens Jr. )
De Prins van Oranje Nassau, Stadhouder van Gelderland enz. enz. ....... ....... , zich in Den Haag bevindende, gelijk in de vorige maand gezien is, heeft op Zondag den 27 Febr. 1729 ‘s morgens in de Klooster Kerk daar de predikant Velse predikte, en ‘s avonds in de Groote Kerk, by den predikant PILAT, den Godsdienst bijgewoond. Den volgenden dag ‘s avonds heeft de Keizerlijke extraordinaris Envojé, de Graaf van Sintzendorf (von Zinzendorf) een prachtig Festein en Bal gegeven, waarop de Prins mede verscheen. Den 1. deezer wierd Zyne Hoogheid door den Baron van Zwartzenberg (thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg) ter Vergadering van de Heeren Staten Generaal, wegens de Provincie FRIESLAND sessie hebbende, benevens verscheidenen Heeren en Dames, ‘s middags tot Scheveningen voortreffelyk ter Maaltyd onthaald etc. .... ....
13.) JOHANNES (Tjalling ‘s) Plantinus. Hy wie op 8 -10-1692 berne as soan fan in Ljouwerter lûkskipper (as ienigst oerbleaune fan 13 bern) en hie studearre yn Frjentsjer. Op 1 sept. 1715 is hy hjir as kandidaat befêstige. Hjir troud west mei Saapke Jacob ‘s Quader (yn 1716), letter is hy op 18-4- 1723 te Ljouwert yn ‘e Jacobijner tsjerke opnij troud mei Maria van der Put, ôfkomstich fan Ljouwert. Syn ôfskiedspreek wie hjir n. o. f. Fillip. 1: 27. en is op 5 novimber 1719 nei Hylpen ta gien. Syn lêste stânplak wie Amsterdam wer ’t hy op 17-5 1771 stoarn is, 79 jier âld. Hy hat tegearre mei Rutger Schutte yn 1772 in bundel “van plegtige leerredenen” by in útjouwer Wessing útjûn. Schutte hat ek syn lykrede hâlden. In troch J. M. Qinckhard yn 1752 skildere portret fan Johannes Plantinus is letter troch P. Tanjé prachtich gravearre as in masterstik fan keunst. (foto.)
14.) SIRICUS Arnoldi, de soan fan dr. Johannes Nicolaï Arnoldi en Taetske Siercks Tania op 29 sept. 1720 fan Eastermar & Eastrum en letter hjir op 4- 9-1764 mei emeritaat gien omdat syn sûnens ôfnaam. Hy wie op 21-2- 1721 foar it Ljouwerter gerjocht troud mei Johanna Siccama (*1699 - 1728) en letter op 27-11-1729 nochris mei in Grytie Jacob Simons Baerdt (1697- 1746) in boeredochter út it Kl. Anjum op stimno. 27, en in pake en beppesizzer fan Laes Folperts Baerdt en Auckien Ernstes Unia. Hy is stoarn yn Ljouwert yn it hûs fan syn neef, de boargemaster fan Ljouwert en is begroeven yn de Westertsjerke. Fjouwer fan syn bern t. w. Johannes, Abel, Dieuwke en Taetske, lizze begroeven by syn earste frou yn BERLTSUM. Syn heit Johannes Arnoldi, fan berop abbekaat foar it Hôf fan Fryslân, wie troud mei Taetske Tania. (út it oan my besibbe Pier Tania skaai. W. H. P.) Syn suster Anna Arnoldi troude mei dûmny Gerard van Velsen. (sjoch it Lautenbachboek by van Velsen en by Siccama en yn dit e-book by Knijff) De Arnoldi sibbe komt oarspronklik út Lesna (Poalen) wer ‘t de sibbenamme bekend wie as Adelti mei as stamheit Michaël Adelti. (Ferskate Poalske teologystudinten út Lesna hawwe yn Frjentsjer studearre.) Hy wie yn 1745 eigner fan in troch him ferhierde pleats mei de namme Hoytinga Sate te Longerhou/Schettens.
(* fuotnoat:
Horatius Pier Sjirks Tania, doopt te Ljouwert 17-10-1697 en dêr ek stoarn op 11-11-1723, wie om 1720 hinne yn Ljouwert ûntfanger fan it buolguod. Horatius wie ûndertroud te Ljouwert op 6-5-1722 foar it gerjocht, en op 14-5-1722 te BERLTSUM troud mei Barbara Abelsdr. Siccama, berne om 1700 hinne as dochter fan Abel Douglas Siccama (abbekaat te Ljouwert) en Dieuwke Horatii, mei attestaasje fan Ljouwert nei BERLTSUM 14-6-1722. Út dit houlik is in famke mei de namme Franske berne (1723-1724). Barbara is letter opnij troud mei Petrus Horreüs, dûmny te Warkum, mei attestaasje fan Ljouwert nei Warkum op 29-10-1724 en dêr stoarn op 30-10-1725. Wêrom te BERLTSUM troud? Wierskynlik is dizze, ek net âld wurden Barbara Abels Siccama, in suster fan de hjir boppeneamde Johanna Siccama. In muoike fan Horatius Pier Sjirks Tania, t. w. Jetske Sjirks Tania, wie troud mei de abbekaat dr. Maertinus (Marten) Arnoldy, beide wenjende te Ljouwert. Lêstneamde Jetske Sjirks Tania sil nei alle gedachten fêst ek besibbe west ha oan de boppeneamde dûmny Siricus (Sjirk) Arnoldi fan BERLTSUM. Der is noch in tsjûchskrift foar Siricus Arnoldi troch professor Johannes van der Waeijen te Frjentsjer bewarre bleaun.
15.) WINANDUS van Assen, berne te Ljouwert yn 1709, troud mei de Ljouwerter doarwachters-dochter Auckie Clonkers, (*) op 30 desimber 1765 fan Bitgum en hjir stoarn op 20- 1-1775. Noch earder wie hy dûmny te Nij Brongergea (no de Knipe) Dêr ferdigene hy syn teologysk stânpunt tsjinoer trije Sosiniaanske Minniste leararen en hy skriuw fersen. Fierder hantearre hy de Nederdútske lier. Yn it stjerhûs wurdt yn 1775 boelguod hâlden.
In soan fan him t. w. Johannes van Assen wie ek dûmny en beskuldige destiids syn amtgenoat Albertus Bruining fan Winaam fan neology en Sosinianisme. Johannes, berne op 15-8-1741 te Bitgum, wie troud mei Anna Klazina Jongsma en mei Antje Andringa, berne te BERLTSUM om 1747 hinne as dochter fan Dirk Clases Andringa (boer en keapman) en Grietje Ymes, stoarn foar 1776 heechút 29 jier âld en wie û. o. dûmny yn Langwar, Sint Anne en Harns. Harren soan Wynandus Andringa van Assen, berne te Langwar op 19-1-1768, troud mei Catharian Kemp,wie stienfabrikant te BERLTSUM. Johannes is op 15-11- 1820 stoarn. Yn 1787 is Winandus, 19 jier âld, sous–luitenant fan it Wapengenoatskip te BERLTSUM, meiien lid fan ‘e Fraterniteit foar de Skutterijen ensafuorthinne. Op 15-5-1787 Representant foar Menameradiel. Op 23-6-1795, dito, belêste mei it publisearjen fan ‘e ‘Hannelingen der Representanten’. Hy wie in woltierich stienfabrikant en behearde yn 1812 ta de 600 heechst oansleinen. Hy ferbliuw yn 1820 yn Nederlânsk Ynje. Hy wie troud yn ‘e tsjerke fan BERLTSUM op 22-9-1803, 35 jier âld, mei de 25 jierrige Catharina Kemp, de dochter fan ‘e Ljouwerter kastemakker Johannes Kemp en Johanna Demmers. Hja wie doopt te Ljouwert yn ‘e Roomske Staasje oan ‘e Tsjerkestrjitte dêr. Hja krigen earst twa jonges t. w. in Johannes Clonckerts van Assen, berne yn 1805 en in Dirk Andringa van Assen, berne yn 1807 en dêrnei de twilling Margriet en Cornelis van Assen, beide berne op 12-7-1811, en allegearre te BERLTSUM. (Yn 1749 wie hjir ek in kastlein Johannes van Assen.)
De te BERLTSUM yn 1805 berne Johan(nes) Clonckerts van Assen is net âld wurden. Yn ‘e Javasche Krant fan 21-3-1835 lêz ik:
Overleden: Johan Clonkerts van Assen, 29 jaar. Passaroeang, 7 maart 1835 T. F. Goedkoop. Ik heb hem als vriend leren kennen. Hij was een braaf en oprecht mens. Johannes wie dêr yn libben kommies op it Residinsje-Buro.
De dêrnei te Harns berne soan fan Johannes en Anna Klazina t. w. Cornelis Jacob van Assen, dus ek in pakesizzer fan boppeneamde Berltsumer dûmny Winandus van Assen, is as 16 jierrige studint yn ‘e Philology en it Romeinsk rjocht wurden te Frjentsjer by de doe tige wolbekende professor P. Greydanus. Hy koe tige goed leare en blonk fier út boppe alle oare studinten. Hy wie dêrnei sûnt 1810 in skoftsje abbekaat en ferhúze nei Den Haach wêr’t hy yn juny 1821 troude mei Anna Maria van Roijen, de dochter fan ‘e letterkundige en Steatsraad H. van Roijen. Hja setten harren dêr ek ta wenjen. Hy blonk as rjochtsgelearde benammen út op it mêd fan taal fan wet en rjocht. Ek stride hy foar de moaie bân dy ’t de philology en de jurisprudinsje ferbynt. Yn ‘e Steats- en Rjochtsskiednis lutsen him de bysûndere foarfallen oan. Dit bliuw net ûngemurken. Sa waard hy siktaris en adviseur fan ‘e admiraal en kolonel-generaal, de twadde soan fan Kening Willem I., Prins Frederik der Nederlannen. Hy reizge mei de Prins û. o. nei syn neef yn Prusen, nei Beieren en Switzerlân. (en hja bliuwen dêrnei 45 jier oan inoar ferbûn) Sa waard hy ek yn it Keninklik Hûs as freon opnommen. Kroanprinses Anna Paulowna waard troch him mei de Nederlânske letteren bekend makke. Hy krige in grut fertrouwen yn it fermogen fan goede foarsten. Hy wie liberaal yn syn tinken, en hy hie net in grutte pet op foar de frijheid fan printpers en direkte ferkiezings foar it (gewoane) folk. Syn sa ferkrigen hege wittenskiplike en steat- kundige ûntwikkeling waard foar syn funksje te leech achte om siktaris fan ‘e Prins te bliuwen. Sa waard hy beneamd ta referendaris by de Raad fan Steate. Al gau waard hy dernei beneamd as heechlearaar oan ‘e Hegeskoalle fan Leien. Ien fan syn bekende taspraken wie “Over de noodzakelijkheid van de beoefening des Romeinschen regts in den tegenwoordige tijd”. De beide soannen fan de bekende yn Den Haach wenjende Gysbert Karel van Hogendorp hawwe ek by him studearre. Hy wenne letter op syn bûtenferbliuw te Velp en is dêr stoarn op 3-9-1859, neilittende syn frou en 5 dochters.
Foar de aerdicheid noch dit: De oanlieding dat hy destiids adviseur fan ‘e Prins wurden is, wie dat yn 1813 yn Den Haach tocht waard dat de ferbûne befrijers fan ús lân de saak al goed yn hannen hienen en de omkear al begûn wie, mar dat wie net sa. Op guon plakken hienen de Frânsken it noch altiten foar it sizzen yn ús lân. Yn it Noarden fan ús lân wienen de Kozakken it lân wol binnenfallen mar nei wat ynformaasje bliken dat der mar sa ’n 400 à 500 te wêzen. Cornelis Jacob van Assen waard nei in muoilik en noch gefaarlik ûndernimmen nei Fryslân en it Grinzerlân stjoerd om dêr ynformaasje op te dwaan. Hy advisearde de Kozakken, nei in petear mei Prins Lapupkin, om NET te wifeljen oan it lytse oantal fan harren mar HASTICH op wei te gean nei Amsterdam, dy ’t op dit geroft harren dêr dernei útsprieken foar de Prins FOARDAT de Grutmachten ús Heitelân (Faderlân) as in troch harren op de Frânsken ferovere grûngebiet beskôgje koenen. Sa ’t de Berltsumer Winandus Andringa van Assen as Patriot de Frânsken jûcheiend ynhelle hie, sa gau woe Cornelis Jacob van Assen no fan harren as besetters ôf. Kening Willem I. stelde him dêrop oan as adviseur fan syn twadde soan Prins Frederik, Prins der Nederlannen. Boppedat waard Cornelis Jacob van Assen ûnderskieden troch it troch de Kening by Beslút fan 5 oktober 1814 him te beneamen as earste fan ‘e Ridders yn ‘e Oarder fan ‘e Nederlânske Liuw. Cornelis Jacob fûn dat it steatsrjochtlik in lân frij stiet om it fan in oar oer- hearskjend lân te befrijen.
16.) Op 16 july 1775 PETRUS NOTA fan Peins & Sweins, de op 7-10-1729 berne soan fan Douwe Gerrits, kofjeskinker (en eigner fan in kofjehûs yn de Molestrjitte) te Frjentsjer en Mincke Jelles, en troud mei Maria Schrader, dochter fan C. Schrader, boargerhopman en apteker te Frjentsjer. Yn syn berteplak studearre hy sûnt 14-8-1747 teology en letterkunde. Hy is hjir stoarn yn 1808 op 23 septimber yn de âlderdom fan 79 jier en liet frou en 4 pakesizzers efter. Hy wie in leafhawwer fan de Latynske poëzy en dichtte sels ek in grut oantal Latynske fersen. Yn 1762, doe’t hy yn Âldeboarn en Nes stie, joech hy in learrede út oer Psalm 103: 14 en 15 by it ôfstjerren fan de Wel-Ed-Gestr. Hr. T. Lycklama à Nijeholt, de Grytman fan Útingeradiel. Brulloftssang op it houlik fan dr. Jacob Braam en Aukje Fontein te Frjentsjer (1749). Brulloftssang op it houlik fan Augustinus Lycklama à Nijeholt en Susanna Baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (1762). Carmen op de berte fan de Erfprins (1772). Elegie op it ôfstjerren fan Grytman Schwartzenberg en professor Schrader (1784 syn swager). Gedicht op it houlik fan G. W. C. D. thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg te Bitgum en J. A. thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. (1790). etc. ....... ....... Hy hat in protte Berltsumer skiednis oerlevere oer tsjerke en doarp en wie ien fan ‘e foaroansteande dûmnys fan syn tiid. Maria Schrader is hjir stoarn op 20-10-1792. In dochter t. w. Gesina (Geeske) Nota is op 14-9-1783 te BERLTSUM troud mei de fan Frjentsjer ôfkomstige wolkammer en patriot Nicolaas Everts Scheltema. Lêstneamde is letter yn twadde boask op 23-9-1808 te BERLTSUM mei syn (yn 1768 berne) skoansuster Janna (Janke) Nota, Dûmny Nota wie patriotysk gesind en gie letter ek mear de frijsinnige kant oer.
(In broer fan ds. Petrus Nota wie Douwe Douwes Nota (1743-1800), patriot, keapman, kommissaris fan it Ljouwerter Trekfear en ek kofjeskinker. Hy wie fanôf 1772 de bewenner fan it grutte Botniahûs (is de yn 1810 ôfbrutsen en doe in protte foar de gearkomsten brûkte Botnia stins, hjir stiet no de Koornbeurs.) te Frjentsjer. Yn 1787 wurdt Douwe mei ûnder oare Eise Eisinga en Horatius A. H. van Knijff te Ferwerd neamd yn in missive fan it Hôf fan Fryslân mei de nammen fan mannen dy’t arrestearre wurde soenen fanwegen it besykjen ta in kûp yn de Fryske Steaten. http://www.hvnf.nl/2009/12/website-nieuwland-nu-met-diefstal-en-geweld/ )
17.) GERHARD (Gerardus) van der Tuuk Hermansoan, as dûmnysoan berne op 31-7-1772 te Mensingeweer, yn oktober 1809 fan Goutum en is hjir stoarn op 29-11-1845. Gerhard wie op 2-5-1794 te Leens troud mei Lyfke Klazes van der Ley. (Liefke Klases van Leijen) Hy behearde ta de doe saneamde Âld Liberale Grinzer rjochting, yn Fryslan de Evangelyske rjochting neamd. De oanhingers fan dizze nije teology wienen fan oardiel, dat men yn de Herfoarme tsjerke fan de leden gjin hearrigens mear freegje mocht oan âlde belidenisskriften. Koart sein, har belidenis wie mear fan: Net de lear mar de Hear, dêr gie it om. De oanhing yn Fryslân fan de “rekliken” wie om 1870 hinne plm. 40 % en om 1860 hinne plm. 60 %. Om 1900 wie dizze rjochting net sa grut mear. It modernisme (de frijsinnichheid) hie letter folle mear oanhing krigen. Ds. van der Tuuk wie bekend om syn bestjoerlike kwaliteiten en tsjerkerjochtlike kennis. Hy wie de earste dy ’t yn in tsjerkerjochtlik hânboek de regleminten en feroarderings fan de yn 1816 reorganisearre Herfoarme tsjerke samle en útjoech. As siktaris fan it Frysk Provinsjaal Tsjerkebestjoer wie hy direkt belútsen by it ôfsetten fan S. van Velzen (1835-1836). Yn in partikulier adres oan de Kening makke hy syn grutte soarch kenber oer it útwreidsjen fan de Ôfskieding. Hjir yn warskôge hy foar de úterst neidielige ynfloed fan inkelde “driuwers” op “gemoedlike minsken by wa ’t de godstjinst mear saak is fan it hert dan fan it opklearre ferstân” (Folksûntwikkeling, Bravens, Ferdraachsumens etc. ). Erkend it Regear harren tsjerke, dan sil dit allinne mar ûnheil bringe. Hy wie in iverich Nutsman. It Nut joech inkelde wurkjes fan him út dy ’t oan it grutte doel fan de folksopfieding tsjinstber wêze moasten. Sa wienen syn karaktersketsen fan Bibelske persoanen bedoeld as helpmiddel foar fromme, mar ûnbelearde kristenen. Fan 1844 oant 1846 wie hjir Joh. Bernardus Schultze H.sn helppreker (learfikaris) te BERLTSUM. Dizze is yn 1846 dûmny te Jellum/Bears. By it ynfieren fan de nije Grûnwet fan 1848 (Thorbecke) kaam der in skieding tusken tsjerke en Steat. De Kening krige neat mear oer de tsjerke te sizzen. De op dat momint besteande trije tsjerkegenoatskippen t. w. de Herfoarme tsjerke, de Roomske tsjerke en de Kristlik Grifformearde tsjerken (de ôfskiedenen) krigen likense rjochten.
Fan him ferskynde yn 1837 ek in Troostbijbel, of verzameling van Spreuken en Leezingen uit de Heilige Schriften des Ouden – en Nieuwen Testaments, tot onderwijzing en vertroosting van Kranken, en van dezulken, die zich in doodsgevaren bevinden, alsmede van hen, die geliefde personen door den dood verloren hebben, sammele troch ds. G. van der Tuuk, Predikant te BERLIKUM, is fl. 1,25 doch voor Afdeelingen van het Bijbelgenootschap by 12 Exemplaren te gelyk, tot mindere pryzen. Syn yntredepreek hjir wie: 1 Kor. 4 -1 en 2 “Zo moet men ons beschouwen: als dienaren van Christus, aan wie het beheer van de geheimenissen Gods is toevertrouwd. Voor zulke beheerders is dit tenslotte het vereiste: betrouwbaar te blijken”. Hy wie Ridder van de Orde van den Nederlandsche Leeuw.
De tsjerklike situaasje yn de earste helte fan de 19de ieu. Dat wie in tyd wêryn’t it boargerlike en moralistyske tinken (útliz)min of mear de maat waard foar it tsjerkewêzen. It evangeelje soe delkomme op eat as deugdlik boargerskip. Yn de Evangelyske gesangen, fan 1806 : dêr kom je de hiele sfeer tsjin.
De sibbe van der Tuuk (Tuick) komt oarspronklik út Dútslân, út Quackenbruck. De foarheit is yn 1648 musquetier, yn 1667 sergeant ûnder de Prince Garde. Yn 1670 keapman en yn 1669 lekkenkeapman.
18.) MARTINUS Lambertus de Boer, (berne te Goingea op 30-7-1812 as soan fan dûmny Lambert Martens (1787-1844)) komt hjir op 10-5-1846 fan Hallum. Hy troude op 4- 5-1836 mei Geeske Sjoerdsdr. Deinum en is hjir ferstoarn op 27- 3- 1870. Hy behearde ek ta de Grinzer Evangelyske rjochting. (Google: foto ds. M. L. de Boer yn De Vrije Fries no. 79 op side 108 )
Bij Besluit van Zijne Majesteit van den 19 april j. l. no 98 zijn goedgekeurd de beroepingen van predikanten uitgebracht door de kerkeraden der Hervormde gemeenten: û. o. ....... ...... van BERLIKUM, onder de Classis Leeuwarden, op M. L. de Boer, predikant te Hallum etc. ..... ......
19.) JAN Imbertus M.zn Swijghuisen - Reigersberg, op 12-7-1867 te Stienwyk troud mei Anna Maria Fabius, op 28 april 1872 fan WIER, befêstige troch syn heit en hjir ûnferwacht ferstoarn op 10- 3-1880, noch mar 40 jier âld. Syn heit dy ’t dus ek dûmny wie, hat de namme fan de útstoarne sibbenamme Reigersberg fan syn pake en beppe fan memmekant oan de efternamme Swijghuisen taheakje litten by K. B. yn 1862. Ien fan de beide yn BERLTSUM berne soannen fan Jan Imbertus, t. w. Petrus Henricus, troud mei Richtje de Boer, is ek wer dûmny wurden, û. o. yn Egmond aan de Hoef. De oare soan Jacob Cornelis, troud mei E. Beutner, in Dútse, is húsdokter wurden. Jan Imbertus is hjir earst konsulent west. Sjoch oer syn kommen fan WIER hjir de striid tusken de frij- en rjochtsinnigen fan BERLTSUM. By oerlevering ha ik heard dat hy hjir by fierwei it grutste part fan de gemeente by harren thús “as harren dûmny” net wolkom wie. Hy komt út in echt Grinzer skaai. In frommiske út de sibbe Reigersberg t. w. Maria van Reigersberch wie destiids troud mei de ús wol bekende grutte rjochtsgelearde Hugo de Groot. Hja spile in wichtige rol by syn ûntkommen yn in boekekist út it Slot Loevenstein. De widdo Anna Maria Fabius wenne yn 1907 te Amsterdam. Ek hja is hjir yn BERLTSUM begroeven neist harren man. Syn traktemint wie hjir fl. 3000,- yn’t jier. (Google: foto fan ds. J. I. Swijghuisen Reigersberg yn De Vrije Fries no 79 (1999) op side 113.)
20.) HEIN (Hendrik) Hoekstra, berne op 2- 9-1852 te Snits as soan fan Pieter Hoekstra en Antje van der Spoel, tr. m. Froukje de Jong, yn 1881 fan Skúzum & Piaam, dêrnei yn 1885 nei Útert. Hy stie om syn eksegetyske jeften heech oanskreaun. Hy is te Útert yn 1887 tegearre mei in ds. G.(erben) Ringnalda dolearjend dûmny wurden. Hy is stoarn yn Arnhem op 31-12-1915 wêr’t hy de lêste 18 jier stien hat. Al syn preken binne bewarre bleaun. (foto: ds. Hein Hoekstra.) Yn DE HERAUT fan 4-6-1916 stiet ûnder de rubriek LEESTAFEL in skreaun stik oer him. (Hy waard hjir te BERLTSUM op 16-10-1881 befêstige troch ds. J.F.L.A. de Jagher fan Longerhou c. s. en is stoarn sûnder bern nei te litten.) Hy wie Ridder yn de Order fan Oranje Nassau.
Sjoch ek yn dit e-book by ds. Leendert Schouten te Útert, oer de reboelje dêr.
21.) GERHARD Nijhuis, berne op 25-4-1848 te Grins, tr. m. Geertruida Korvezee, op 9 maaie 1886 fan Genemuiden en 13 april 1890 nei Veenendaal. (Hy wie haadredakteur fan de Kristlike skuorkalinder De Waarheidsvriend en lid fan it lettere yn 1909 stifte saneamde Grifformearde Bûn yn ‘e Herfoarme tsjerke.) Omdat op 4- 1-1886 yn Amsterdam it tsjerklik konflikt útbrutsen wie en hy ôfskieding(en) net útsleat, woe hy fan de tsjerkfâden by syn beropping wol de sekerheid hawwe fan syn traktemint. Syn sympaty gie lykwols wol út nei de dêr ôfsetten tsjerkeried, mar hy woe lykwols de Herfoarme tsjerke net ferlitte. Op 16-12-1886 briek de saneamde doleânsje út. Hy bliuw de foar him “de Kerk der Vaderen” trou. Hy is yn 1905 te Zeist stoarn, 57 jier âld. Doe sûnt 1901 dûmny te Renkum en Heelsum.
22.) JOHAN Louis Tichelaar, berne op 20-5-1856 te Denekamp, tr. m. Jannetje van Ooijen, op 2 nov. 1890 fan Staphorst. Yn Staphorst hie hy mar rom in jier stien. Hy kaam dêr, 32 jier âld, fan Ouddorp (Classis Brielle) op 5- 5-1889 en krige fan de Staphorsters de bynamme “De predikant der liefde”. Op 30 -1- 1893 giet hy nei Nijlân en is dêr stoarn op 19-7-1916 . De Herfoarme ultra Griff. Bûns gemeente fan Ouddorp is letter nei de lanlike fúzje ta P.K.N. yn syn gehiel oergien nei de H.H.K. (Hersteld Herfoarme tsjerke. Dizze hat rom 60.000 leden mei sa’n 118 gebouwen. ) Sa is it ek gien yn Staphorst.
23.) ANNE Hette ’s Jellema op 7-5-1893 fan Vrieschelo, en yn febrewaris 1896 nei Toppenhuzen (Top en Twel) en dêr ferstoarn yn 1910, 49 jier âld. (Yn it blêd “Pak me mee” stiet in foto fan him. Sjoch L. C. 30-12-1910. ûnder it kopke: Een vergissing.) Hy is op 25-11-1910 yn Toppen-húzen/Twellingea ferstoarn, noch mar 49 jier âld. Hy wie dêr û. o. foarsitter fan de Kristlike muzykferiening “Euphonia” dêr ’t master Heinsma fan BERLTSUM ek dirigent fan west hat.
Syn soan Otto Samuel Jellema, berne op 29-8-1889 yn Skúzum wêr ’t syn heit Anne ek dûmny west hat, hat û. o. dûmny west yn Sint Anne en sûnt 1926 as dûmny foar de Nederlanners yn Davos yn Switserlân.) Anne Hettes Jellema is fan fieren besibbe oan de hjir yn BERLTSUM oan de Buorren nû. 31 en letter op de Buorren nûmer 100 wenjend hawwende bakker Hette Gerrit ‘s Jellema, troud mei Gepke Althuisius. Ds. Anne H. Jellema is berne te Gau op 29-12-1861 as soan fan Hette Annes Jellema en Ytje Wytzes Offringa en op 10- 5-1887 troud te Midwolda mei Gesina Harmina Knottnerus. ***) In oare soan t. w. Hette Anne Jellema siet yn de súvelsektor, is û. o. beheerder west fan it súvelfabryk te Garyp, siet yn de rie fan Tietjerksteradiel en yn de Provinsjale Steaten fan Fryslân foar de C. H. U. Ek siet hy yn it haadbestjoer fan de N. C. R. V.
Ds. Anne Hette ‘s Jellema rekke yn Toppenhuzen ris belútsen by in belidenisopskuor. Ortodokse belideniskategisanten, dy ’t gjin dûmny nei winsk fine koenen yn Snits, folgen mei ynstimmen fan de tsjerkeried dêr de kategese by ds. Jellema yn Toppenhuzen. Oan trije kategisanten wegere de Snitser tsjerkeried lykwols it bewiis fan sedelik gedrach te ferhelpen, dat “it oannimmen” formeel net mooglik wie. Doe ’t yn Toppenhuzen de learlingen doch oannommen en befêstige waarden, feroarsake dit in opskuor.
24.) HENDRICUS van Eyck van Heslinga op 12- 1-1897 fan Eastermar. De yntrede tekst wie út 1 Cor. 1 fers 1 en 2. en hjir yn 1928 mei emeritaat gien en is letter op 5-2-1931 ferstoarn yn Apeldoorn.
(foto: ds. van Eyck van Heslinga, makke yn 1935 troch Charles Gombald, hinget yn it Herfoarmd Sintrum. Sjoch foar syn curriculum vitae by haadstik 2.)
25.) THOMAS Derks Kramer, geb te Opwierde (Gron. 10-3-1879), op 13- 1-1929 fan Easterbierrum. Hjir yn 1944 op 30 april mei emeritaat gien. (Sjoch de L. C. fan 2- 5-1944. Kerk en school, benoemingen enz.) Hy wie yn 1940 “reservefjildpreker foar de tiid fan oarloch” yn it Nederlânske leger. Ek wie hy bestjoerslid fan it “Bûn fan Evangelisaasje-ferienings” (Pecif) en geastlik fersoarger yn de tehúzen “Hebron” en ”Port Natal”yn Assen. Yn 1945 waard hy as em. dûmny noch beneamd as helppreker by de Herfoarme gemeente fan De Steeg (Gld). Hy is berne op 10-3-1879 te Opwierde by Appingedam, stoarn te De Steeg op 26-2-1964 en is hjir yn febrewaris 1964 begroeven. Syn heit wie arsjetekt. Syn frou wie de kastleins-dochter Antje Abrahams Santee Juursema, stoarn op 29-8-1938, en leit hjir ek begroeven. Soan Jaap Kramer wie in fûleindich keatser. In oare soan fan him, D.(irk) Kramer hat yn Grins earst medisinen studearre en letter teology om ek dûmny te wurden.
(30 jarig ambtsjubileum. foto fan him yn it Lwd. Nws. Blad d. d. 24-3-1933 op side 4)
Yn maart 1940 waard Jan Brons, troud mei Elisabeth Pronk, kandidaat te Grins, hjir as help-preker beneamd.
26.) ALBERT Herman Knottnerus, tr. m. Anna Jantine Boekhold, yn ’e hjerst fan 1944 fan Peize en befêstige troch ds. S. J. de Hoest fan Menaam, yn 1947 op 5 oktober as dûmny bûtengewoane wurksumens nei Breda as finzenis dûmny yn de Koepelfinzenis. (De romrofte “fjouwer” en letter de saneamde “trije fan Breda.” Trije Dútske oarlochsmisdiedigers t. w. Aus der Funten, Fischer en Kotälla sieten yn dizze finzenis harren libbenslange straf út. De offisjele namme fan dizze finzenis is Penitentiaire inrichting ‘De Boschpoort‘.) De ôfskietekst wie 2 Tim. 1 fers 3. Knottnerus komt út in echte Grinzer dûmnyssibbe. Hy wie haadbestjoerslid fan it Protestânsk Yntertsjerklik Thúsfront. (P. I. T.) Albert waard berne út in dûmnys gesin op 17-3-1913 te Zuidwolde (dr.) De Knottnerus sibbe is al sûnt 1630 ûnûnderbrutsen in famylje fan dûmnys, faak fan heit op soan. De sibbe (Knöttner) komt oarspronklik út Dútslân.
27.) ROMKE Bijl, troud mei Jeltsje de Jong, op 11-4-1948 fan Haren, yn 1954 nei de St. Bavo yn Haarlim (Kleverparkwijk). Hy hat in protte dien (mei û. o. Ulbe van Houten, skriuwer fan berne-bibel: “De Hillige histoarje”) foar de Fryske taal en de Fryske earetsjinst. (foto.) Dûmny Bijl is 67 jier wurden. Hy is yn april 1977 hommels ferstoarn te Burgum. De routsjinst wie yn Bûtenpost op 28-4-1977 û. l. f. drs. D.(oede) G. Wiersma.
Oant mits maart 1955 hat hjir in Arend van den Bovenkamp fikaris west. Hy wie berne op 17 maaie 1926 te Batenburg en hie teology studearre te Útert is dêrnei op 27-3-1955 dûmny wurden te Ingwierrum.
28.) CORNELIS Fortgens op 8-5-1955 fan Kolderveen, op 4-11-1962 nei Wichmond. Fortgens is yn 1958 in jier legerdûmny west. As ficaris wie hjir doe fan aug. 1958 oant juni 1959 Abe Westra fan Bûtenpost. Westra is fan hjir yn 1959 feroppen as kandidaat nei Skearnegoutum. Cornelis wie mar lyts fan postuer. Syn frou hie as efternamme Opstelten. Konsulint dûmny Oene Huistra fan Menaam makke dêr ris it folgjende grapke oer. Cornelis tocht: Ik bin mar lyts, dêrom nim ik mar in frou “op stelten”. Syn Berltsumer kategisanten gienen dus dan ek letter nei “de kleine korporaal”. De sibbe Fortgens komt oarpronklik fan Haarlim. Cornelis Fortgens, berne op 4-8-1918, is ferstoarn te Warnsveld op 14-3-2002 en leit begroeven te Wichmond, syn lêste stânplak, by dêr syn trije jong tragysk ferstoarne bern. Syn frou (Mien) Willemina Alijda Ottolina Opstelten en syn ienichst no noch oerbleaune soan Anton libje noch.
29.) DIRK (Franses) Papma, (berne yn 1930 te Ferwerd) op 17-4-1963 as kandidaat fan Harderwijk. Troud mei A. N. Raven. Op 30- 3-1969 nei Wolvegea. Hy is nei syn teologyske stúdzje net direkt, mar op lettere âlderdom dûmny wurden. Hy hat earst noch in tiidlang wurke by de C. B. T. B. (Christelijke Boeren en Tuinder Bond).
(De oarspronklike sibbenamme Popma? Yn 1675 is te Ikkerwâld en Moarnerwâld en fan 1688 -1711 te Lekkum in Johannes Franze’s Papma dûmny. Hy wie berne te Burchwert om 1649 hinne as soan fan Franciscus Johannes Popma, dûmny te Burchwert. Lêstneamde wie de soan fan dan wer in ds. Johannes Papma mei in a, dûmny fan 1599 oant 1638 te Froubuorren. Dus al in hiel âlde sibbe.)
30.) PIETER (Gerard ‘s) van Wakeren, op 12 okt. 1969 fan Schalkwijk, yn desimber 1977 hjir mei emeritaat gien. Hy is tusken 1948-1955 skoalmaster en sindeling west ûnder de Toradja ’s op Celebes (û. o. te Palogo, Ned. Ynje), útstjoerd troch de G. Z. B. (de Grifformearde Sindingsbûn yn de Herfoarme Tsjerke.) Hy is berne yn 1911, troud mei Maria Susanne Maas, stoarn op 8-4-1986 en dêrnei begroeven te Veenendaal. Hy kaam út de Grifformearde Bûn.
31.) CHRISTIAAN Sipke Verwoert op 31- 1-1977 fan Leerdam befêstige troch syn foargonger. Letter op 16- 6-1985 binne Christiaan en syn frou Martijntje van Giessen nei Raamsdonk tagien. Hy kaam krekt as van ds. Pieter van Wakeren ek út de Grifformearde Bûn en wie letter lid fan de Konfesjonele Feriening. Verwoert stie, foar ’t hy nei Leerdam gie, oant 1974 ta te Menaam. (sjoch L. C. 2-7-1974 Menaldumer dominees bleven, maar C. S. Verwoert gaat weg.)
32.) ALFRED Groeneveld, op 19 july 1987 fan Alteveer-Kerkenveld, befêstige troch dûmny J. J. C. Dee fan Súdwolde, letter op 29- 3-1992 nei Lunteren (“Maranatha” tsjerke). Yn sept. 2010 dêr mei emeritaat gien. (Alfred en syn frou Anneke binne dêr wenjen bleaun, want de trije bern wenje dêr no ek allegearre. Harren bern waarden troch him altyd de trije E’s neamd omdat alle nammen mei in E begûnen.) Alfred (Fred) Groeneveld komt oarspronklik fan Grins en is op 14-12-1971 troud. Hy wie acht jier doe’t hy by in Krystfiering tsjin syn mem sei dat hy dûmny wurde woe. Twa jier letter is syn mem stoarn, syn heit wie al earder stoarn sa dat hy al jong wees wurden wie en in stúdzje net foar de hân lei. Hy woeks op yn de stêd Grins en wurke inkelde jierren yn it bankwêzen. Yn 1980 waard hy helppreker yn Kerkenveld en Alteveer by Hoogeveen, wêr’t hy mei troch in spesjale regeling en tsjerklik eksamen yn 1981, nei 15 jier helppreker west te hawwen, dûmny waard. Nei fiif jier as dûmny yn BERLTSUM tsjinne te hawwen gie hy yn maart 1992 nei Lunteren. Hy wie iepen konfesjoneel en fan gjin rjochting.
33.) AIZO Wiebenga, op 9 maaie 1993 fan Geesteren, letter op 2- 9-2001 nei Sumar, noch wer letter nei Snits. (âlderenpastoraat) Hy is op wat lettere âlderdom dûmny wurden en hy is troud mei Akke van der Meer. Aizo Wiebenga komt oarspronklik fan Drylst. Hy is de soan fan Jacob Wiebenga en Rykje Antje Lycklama à Nijeholt.
(Foto: Aizo Wiebenga)
34.) JENNIE Geertruida (Jeannette) van den Boogaard-Bongers is hjir op 11 maaie 2003 mei harren man Jan van den Bogaard, fan Rijssen as kandidate kommen. Hja wie sûnt augustus 2000 as parttime fikaris ferbûn oan de Herfoarme Kapel fan Wierden. Jeannette is de lêste Herfoarme dûmny dy ’t hjir yn BERLTSUM beroppen is. Hja is no, nei de lanlike fúzje ta P. K. N. op 1-5 -2004, hjir fierder gien as P. K. N. dûmny. Jan Gijsbertus van den Bogaard (berne op 20- 9-1961 te Ridderkerk en oarspronklik ôfkomstich fan Ridderkerk) is ek dûmny mar is hjir no húsman wurden. Hy is op 27-9-1990 troud mei Jeannette Bongers (hja is berne op 8-7-1968 te Emmer-Compascuum as ienichst dochter fan Jan Bongers en Anneke Blaauw en wie op har 30-tichste al wees) en wie foar ’t hy yn Rijssen kaam, dûmny yn Drempt/Hummelo/Keppel. Har wurden wiene “Ik gean hjir net earder fuort, neidat beide tsjerken hjir fusearre binne”. Hja nimt op 27 januari 2013 yn de Krústsjerke ôfskie fan de P. K. N. gemeente fan BERLTSUM en giet dan nei de P. K. N gemeente (“Mariëngaard”) fan Hallum. Harren kollega Arjan J. (Arend Jantinus) Bouwknegt nimt it hjir no fierder oer. BERLTSUM giet tenei fierder mei ien dûmny. Jan Gijsbert van den Boogaard is neist húsman dêrnei op 21-4 2013 part-time dûmny wurden fan ‘e al sûnt de Reformaasje kombinearre Herfoarme tsjerken (P. K. N) fan Wjelsryp/Baaium.
35 ) AREND Jantinus (Arjan) Bouwknegt tr. m. Jacqueline Bonestroo, hjir beroppen troch de grifformearde tsjerke, is nei de tsjerkefúzje fan beide tsjerken hjir yn BERLTSUM sûnt 19-9-2010, trochgien as dûmny fan de PG BERLTSUM. Hy wie hjirfoar as dûmny ferbûn oan de grifformearde tsjerke yn Bloksyl. Yn july 2019 ferhúze nei de Herfoarme Paulustsjerke (P. K. N.) te Wezep.
36 ) ROB Daniël Bergsma, op 9-6-2017 tr. m. Nienke Veldsema, wenjende te Ljouwert, 29 jier âld (berne op 30-10-1992) , lidmaat fan de Kr. Griff. tsjerke dêr en studeard hawwende oan de E.H. te Amersfoort en de PthU fan de P.K.N. yn Grins ta master gemeentepredikant, dêrnei wurkjende as jeugdwurker yn de PG te Jutryp-Hommerts, nimt yn maart 2022 it berop oan as dûmny fan de PG fan BERLTSUM. Op 18 septimber 2022 waard hy befêstige yn de Koepeltsjerke troch syn eardere stúdzjegenoat Jorick Breemes út Hollanscheveld.
Hebr. 13: 7 - “Ferjit jimme foargongers net, dy ’t jimme it Wurd fan God brocht hawwe. Hâld foar eagen hoe ’t harren libben ôfrint: nim harren leauwen as foarbyld.”
DE WIKSELLIST.
De troch my makke (wiksel)list fan de Herfoarme dûmnys, dy ’t hjir stien hawwe, hinget yn de lytse (tsjin de tsjerke oanboude) tsjerkeriedskeamer (de “lytse konsistoarje” neamd) fan de Koepeltsjerke. (As jo de list fanôf de lofter side besjogge komme de dûmnys “wer helder” yn ús tinzen werom.)
(dûmnys 1. o./m. 16. boarne: dûmny P. Nota.)
Fuotnoaten:
(* Hermannus Luinga of Luingha, ook Hermannus van BELKUM genoemd, welligt dezelfde, dien Gellius Snecanus (foar 1589 dûmny fan Nijlân), Hermannus Peisanus noemt, was eerst predikant te BELKUM, in 1588 of begin 1589 te Sneek. (Biographisch Woordenboek van der Aa.) Syn soan Rudolphus Luinga, berne foar 1589 te BERLTSUM wie fan 1613 oant 1652 dûmny te Sint Anne en dêrfoar te Sondel en in oare soan t. w. Henricus Luinga wie rector te Snits. Nei alle gedachten hie de sibbe hjir ek lân op it Bilt ûnder BERLTSUM. De namme Luinsterweg (Luingasterweg) is fan de sibbenamme Luinga ôfkomstich. (Luinga > luinster > lúnsterwei) want sa bin ik de namme ek wolris yn âldere stikken tsjinkommen. It kin wêze dat Luinga hjir ek noch as pastoar fan BERLTSUM lân op it Bilt brûkt hat. (Sjoch ek de Genealogy Luinga de takken 1. 2. 3 en 4 allegearre ôfkomstich fan Peize.) Ds. Rudolphus Luinga troude û. o. Rembrandt en Saskia te Sint Anne. (De namme kin ek ôfkomstich wêze fan in Hobbe Luinga, syn dochter wie troud mei de ealman Frans (van) Minnema, eigner fan de Minnema kavel op it Bilt oan de noardkant fan Berltsum de Bitgumerdyk bylâns.)
Prof. Dr. F. A. van Lieburg jout oan yn syn dûmnyslist, dat hjir as ien fan de earsten in sekere Johannes Hillebrandi stien hat yn BERLTSUM. Hillebrandi, berne om 1551 hinne te Snits, soe as dûmny stien hawwe te Ysbrechtum, BERLICUM, Ternaard, Hilaard en Dronryp, wêr ’t hy ek stoarn is. De oare doarpen kloppe wol, allinne BERLTSUM heart net yn de rige thús. Ek komt hy net foar yn de dûmnyslist fan T. A. Romein en dûmny Petrus Nota neamt him ek net as dûmny te BERLTSUM yn de Brochure: Beschrijving van de nieuw gebouwde kerk te BERLIKUM. Hjir moat wol yn dy tiid, en dan mar foar in pear moanne yn 1590, in Johannes Hillebrandi west ha as skoalmaster, sa wurdt oerlevere, dy ’t letter nei Ternaard gien is.
(** Ds. Jonas Olaus kaam fan Noarwegen fandêr de troch him brûkte (N.) fan Norwegus). Hy is dêr berne út Dútske âlders. Hy hat yn Moers (Dútslân) Grifformeard dûmny west. Doe is hy yn Hoarn beroppen troch de harren dêr ta wenjen setten hawwende Skandinaviërs en Dútsers fan de dêr oprjochte Lútherske tsjerkemienskip. De nij boude Lútherske tsjerke oan de Tempelsteeg, in sydstrjitsje fan de Ramen, is op 1- 7-1632 yn gebrûk nommen en hy hâlde de ynwijingspreek n. o. f. in tekst út Jes. 54 fers 2 en 3. It wie in man dy ’t beskikte oer talinten. Syn dochter Lysbeth Olaus wie de twadde frou fan Riuerdt Meyntesz. Dizze Riuerdt Meyntesz. kocht yn 1642 in hûs en bakkerij te Bitgum fan syn heit en waard op Alderheljen 1646 lidmaat fan ‘e Herfoarme tsjerke dêr. Yn 1648 gie hy mei attestaasje nei BERLTSUM, wêr ’t hy wilens in bakkerij oan de Buorren kocht hie. Riuerdt Meyntesz. syn namme en wapen komme foar op de út BERLTSUM ôfkomstige grutte klok yn de Konkordiënkirche te Mannheim. Sara Olaus, de suster fan Lysbeth, wie troud mei in Age Wybrensz. Op 23-5-1670 is te Ljouwert in Susanna Olaus út BERLTSUM yn ûndertrou gien mei in korporaal Jan Willems. (ek in dochter fan ds. Olaus en in suster fan Sara)
*) Sjoch: BERLTSUM foar 1772: de foto fan ds. Gregorius Mees. Hy is de soan fan Jeremias Mees (poorter fan de stêd Grins 1627, commies ûnfanger-generaal en âlderling) en Annechien Sijgers. (Sjoch ek de Bankierssibbe MEES & HOPE)
**) In broer fan Pielat t. w. Jaques (Jacob) Christian (Christiaan) Pielat hie in protte hege funksjes yn it Staatske leger, hy wurke û. o foar de V. O. C. en wie koarte tiid kommissaris (gûverneur) fan Ceylon (Sri Lanka). Dat Ludovicus wierskynlik ek militêr west hat wol my net oan. Ûnder it portret, makke om 1740 hinne, yn prent brocht troch S. Fokke, fan dûmny Ludovicus Timon Pielat stiet in seis rigelich ferske fan Jacob Spex (1702 - 1775) dat giet as folget:
Waer Godtgeleertheit ooit en Godvrucht zich doen merken,
Haer ziet, haer kent men dat, als in PIELATvereert,
Wiens yver Christus kerk met woorden sticht en werken,
Waervan d’ Eerwaerdigheid haer luister hier ontleent.
Dit’s BELKUM, Assendelft en Nymegen gebleken,
Ook my, roept ‘s Gravenhaeg, van heil dus minst verstreken.
***) Gesina Harmina, berne op 20-12-1865 te Oostwold / Midwolda hat yn Spannum op de kostskoalle sitten. Sjoch: Groninger (boeren)dochters op een dameskostschool in Spannum. De Chr. Kost- en Dagschool voor meisjes te SPANNUM (Fr.) (op Google) en de L. C. fan 30- 7-1955: Yn Spannum stie fan 1876 oant 1905 in kostskoalle foar jongfammen.
Sjoch it boek fan W. Bergsma.
Tussen Gideonsbende en publieke kerk.
(Een studie over het gereformeerd protestantisme in Friesland.)
Samuel van Haringhouk as útjouwer fan de NADERE REFORMATIE wie tusken 1648 en 1672 wurksum as printer–útjouwer. Fan him blykt in dúdlike foarkar foar de Ingelske skriuwers. Samuel van Haringhouk hat hjirfan sels in protte oerset yn it nederlânsk. Wierskynlik, om him te ûntlêsten, is hy dêrby bystien troch in oantal dûmnys w. û. dûmny Nollius Hajonides fan BERLTSUM.
Samuel van Haringhouk boekverkooper in de Waerheyd (anno 1672) met privilegie voor 15 jaer.
Uytgelesene Engelsche Boete-predikatiën Over sonderlinge Texten, Op hun Maendelijckschen Vasten, Deur verscheydene God-geleerden, voor het Eerw. Parlement van Engelland gedaen. TWEEDE DEEL, vertaeld Door Nollius Hajonides, Bedienaer des H. Euangelii tot BELKUM (vignetje) Anno 1659. Hajonides sette de Ingelske “Boetepredikatiën” oer en hat him hjir wierskynlik ek by belútsen field. Ek hjir waarden boetepreken hâlden, fakentiden nei epidemieën, oerstreamings en oare barrens. Sa waard nei de dea fan prins Willem van Oranje ûnder de begraffenis fan de prins yn Delft op 3 augustus 1584 troch dûmny Arent Cornelisz (1547-1605) de drôvige oanwêzigen yn syn lykpreek tasprutsen mei de wurden dat de prins troch God weinommen wie as straf op de sûnden fan it Nederlânske folk. (Lykpreken foarmen nammers foar de grifformearde dûmnys in frjemde roomske ein yn’t bit.)
(*) Auckjen (Anskje) Cloncker(t)s, de frou fan dûmny Winandus van Assen, is de dochter fan de Ljouwerter doarwaarder Hendrik Clonckerts en Auckje Loon. Har broer is de yn 1702 berne Jacobus Clonckerts dy ’t fan berop byldsnijer wie. Byldsnijers (-houwers) makken bylden út hout of sêfte stien. Hja makken foarstellings foaral foar tsjerken, gebouwen, en ek makken hja boechbylden foar skippen, snijwurk oan reauwen, meubels, oerwurkkasten etc. Jacobus ferhúzet yn 1751 fanút Bitgum nei (de) Rottevalle. Hy is fan 1763 - 1765 âlderling west. As hy dêr letter komt te ferstjerren ferskint yn de Ljouwerter krante fan 13- 4-1776 in advertinsje wêryn it hâlden fan Buolguod oankundige wurdt. In oare broer fan Auckjen t. w. Johannes wie abbekaat oan it Hôf fan Fryslân mar ek boumaster. De Clonckerts sibbe wie in doarwaarders sibbe en de oantroude sibbe ien fan goud en sulversmidden. Wat foar wurk Jacobus neilitten hat is my net bekend. Byldsnijers wienen hast net yn Fryslân te finen.
Ds. G. H. van der TUUK.
Gerhard Hermansz. van der Tuuk wie berne te Mensingaweer op 31-10-1772 en is te BERLTSUM stoarn op 19-11-1845. Hy is ferneamd wurden om syn bestjoerlike kwaliteiten en tsjerkerjochtlike kennis. Nei al yn 1807 en 1810 de Fryske Synoade resp. har Deputaten as skriba tsjinne te hawwen, wie hy fan 1820 ôf in tiid lang siktaris fan it Frysk Provinsjaal Tsjerke-bestjoer. Hy waard ek ôffurdige nei Den Haag; ferskate jierren wie hy fice-présens fan de Algemiene Synoade. Hy wie de earste dy ’t yn in tsjerkerjochtlik hânboek de regleminten en ordinânsjes fan de yn 1816 reorganisearre Herfoarme tsjerke sammele hat en útjoech. As siktaris fan it Frysk Provinsjaal Tsjerkebestjoer wie van der Tuuk direkt belutsen by it ôfsetten fan ds. S.(imon) van Velzen te Droegeham (* 1835-1836). Yn in partikulier adres oan de Kening fan 15 febrewaris 1836 makke hy syn grutte soarch kenber oer de útwreiding fan de ôfskieding. Hjir yn warskôge hy foar de úterste neidielige ynfloed fan inkelde “driuwers” op “gemoedelijke” minsken, by welke de godtsjinst mear “ZAKE is DES HARTEN dan van het OPGEKLAARD VERSTAND”. Erkent de regearing har tsjerke, dan sil dat allinne mar ÛNHEIL bringe. Van der Tuuk wie in iverich NUT ’s man. It Nut joech inkelde wurkjes fan him út dy ’t oan it grutte doel fan de folksopfieding *) tsjinstber wêze moasten. Sa wienen syn karaktersketsen fan Bibelske persoanen bedoeld as in helpmiddel foar “vrome, maar ongeletterde Christenen”. Van der Tuuk behearde ta de saneamde Grinzer rjochting, in streaming dy ’t siet tusken it Reveil en de Ôfskieding. Dizze rjochting stelde tsjinoer de troch de Synoade fan Doardrecht fêststelde lear fan de útferkiezing, de macht fan Gods leafde foarop. Ek stelde dizze rjochting de wurksumens fan God yn de skiednis foar as in OPFIEDINGS-proses. De dûmny wie dêrom dan ek mei-folksopfieder. Koart sein: it wie in evenredige ortodoksy. It fuortjaan fan in troubibel komt as tradysje út dizze Grinzer rjochting.
Fuotnoaten:
(* Op 13- 1-1836 waard dûmny Simon van Velzen te Droegeham ôfsetten. Hy die dêrnei alle war om nije ôfskieden tsjerken te stiftsjen. Yn BITGUM is dêrnei op 20- 4-1842 ek in ôfskieden tsjerke ûntstien yn kombinaasje mei Menaam, stifte troch ds. Postma de ôfskieden dûmny fan Minnertsgea. Dizze tsjerkemienskip begûn mei 5 manslidmaten en mei 7 of 8 froulju. It tsjerkegebou (no Berltsumerdyk 13) waard 27-7-1845 “ynwijd” troch deselde dûmny doe wenjende te Wildervank. In Nammen Gerbens Ferwerda as âlderling en in D. W. Vellinga as diaken. Guon Berltsumers gienen dêrnei ek nei Bitgum ta om dêr te tsjerkjen, al wienen it yn it begjin net sa ’n folle. Letter wienen dat der wat mear. Ien fan de dûmnys dêr t. w. ds. Jan Kerssies (1839-1908), hy wie dêr op 22 novimber 1872 kommen fan Dwingelo as kandidaat, hat hjir yn BERLTSUM (as in wat rommer tinkende man) ek gauris arbeide ûnder it ortodokse tsjerkefolk. Hy is yn 1876 nei Sauwerd - Aduard –Wetsinge gien. Jan Kerssies wie earst hússkilder, dêrnei die hy de dûmnys-oplieding te Kampen. Syn heit wie earst timmerman en letter ek Kristlik grifformeard foargonger. (Soan N. G. Kerssies, berne te Bitgum, ek (griff.) dûmny te Wezep is dêr stoarn yn 1939.)
(Sjoch ek op Google: Hette wurdt Bitgumer (1847) << Frysk en Frij. )
*) Folksopfieding. Letter binne der yn Nederlân yn ‘e tritiger jierren fan ‘e tweintichste ieu neist it Nut ek noch ferskate ‘folkshegeskoallen’ oprjochte mei as doel dat eltse boarger syn hiele libben lang leare soe. It wie goed foar de arbeidspartisipaasje, kennisekonomy en hannelsposysje. It soe goed wêze foar de minsken: it Bildungsideaal. It waard doe ek wer folksûntwikkeling en folksopfieding neamd. En ten behoeve dêrfan waarden troch partikulier inisjatyf Folkshege- skoallen oprjochte. Dy wienen ûnderdiel fan in brede edukative beweging, dy ’t ûntstie yn Denemarken as inisjatyf fan ‘e dichter en teolooch Grundvich. Syn doel wie it plattelân te emansipearjen en ferset te bieden tsjin it opkommende rasjonalisme en liberalisme. Syn neifolgers hjir yn Nederlân woenen de Folkhegeskoallen ynsette om de ferskillen tusken minsken te ferlytsjen, sawol op religieus as op sosjaal mêd. Yn it hiele lân waarden Folkshegeskoallen oprjochte. Sa waarden yn Fryslân bgl. Folkshegeskoallen oprjochte yn Bakkefean (yn 1933/34 as earste yn ús lân) en letter ek op Skylge. It wie de tiid fan ekonomyske krisis en hûnderten jonge wurkleazen krigen sa troch fakoplieding wer kâns op ‘e arbeidsmerk. Mar dat gie nea sûnder sosjale en edukative foarming. Yn 1968 wie yn eltse provinsje in Folkshegeskoalle oprjochte.
MAATSCHAPPIJ TOT NUT VAN HET ALGEMEEN
Yn 1784 waard de “Maatskippij ta Nut fan it Algemien” oprjochte. Dizze feriening, meastal “it Nut” neamd, waard sterk beynfloede troch de ideeën fan de Ferljochting. It belangrykste prinsipe fan de oanhingers fan de Ferljochting wie, dat men de wierheid oangeande bepaalde saken fine koe mei help fan de rasjo (de rede, it ferstân) yn stee fan sûnder mear foar wier oan te nimmen wat bygelyks tsjerklike autoriteiten seinen. It doel wie om it foar minsken mei in minimaal lean mooglik te meitsjen harren optimaal te ûntwikkeljen. It Nut gie him ek bemuoien mei it ûnderwiis sawol foar de folwoeksenen as foar de bern. It joech ek skoalboekjes út. Dizze hienen folle minder religieuze ûnderwerpen. Sa frijwat alle boeken hienen (te drege) religieuze ûnderwerpen en men fûn se dêrom “fan ûnnut” foar de bern, en net sa geskikt foar de berne-smaak. Bern koenen better hearigens en bravens leare, want dat makke de bern mear bemind by de minsken. Ek waarden der troch de feriening Nutsspaarbanken, Nutsbewaarskoallen en Nutsbibleteken oprjochte.
(Dûmny Jan Nieuwenhuijzen (1724-1806) wie in Nederlânsk doopsgesinde dûmny, leraer en oprjochter fan de Maatskippij tot Nut fan ‘t Algemien. Nieuwenhuijzen wie in tige sosjaal belutsen man en tige oandien troch de idealen fan de Ferljochting. Dit die him yn in praatgroep in plan nei foaren bringe om in genoatskip foar folksûntwikkeling te stiftsjen.)
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
IT KEUNSTGEBIT
Beppe Schiphof sit te fiskjen op de Tichelersdyk oan de Menamerfeart.
In foarbygonger (Harmen Joh. de Haan) freget wat se oan it dwaan is.
“Myn kaugom is yn it wetter fallen en no probearje ik it op te fiskjen.”
Harm: “Jo kinne wol in nij stikje fan my krije”.
“Nee, goed bedoeld Harm,” reagearret it âld wyfke. “Myn keunstgebit sit der noch oan fêst plakt”.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
GELYK SPUL
Master Meinte Brandsma skriuwt op it skoalboerd: 2 – 2 = ........
Dan freget hy oan de klasse: “Wa wit it antwurd?”
Jan Feddes Sjoerdsma stekt syn finger omheech en ropt: “Gelyk spul, master”.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 15-12-1933
BERLIKUM 14 december. – Door de kerkvoogden en kerkeraad der Ned. Hervormde Gemeente werd hedenavond vergaderd met de huurders van landerijen aan genoemde gemeente behoorende, ten einde tot een oplossing in het huurvraagstuk te komen. Kerkeraad en kerkvoogden stelden voor een reductie van 50 % te verlenen, doch de huurders, die een reductie van 70% wenschten, gingen hiermede niet accoord, zoodat men niet tot een overeenkomst kon komen. De kantonrechter zal zeer vermoedelijk in deze kwestie een beslissing moeten nemen.
(It wie de krisistiid (de Grutte Depresje) fan de tritiger jierren. Nederlân waard hurd troffen troch de resesje en dy’t troch it fêsthâlden oan de Gouden Standert stiiffêst blyk. De ekonomyske swirrichheden laatten ta ferpauperjen en ûntefredenens dy’t harren û. o. úteren yn ûnrêst en de groei fan de NSB. Pas nei de Twadde Wrâldoarloch soe de Nederlânske ekonomy daadwerklik opbloeie. Sekere Jeremias Quarré, wenjende oan de Hôfsleane, dy’t by de publike ferhier nochal heech ynset hie op tsjerkelân woe in noch gruttere reduksje, mar de tsjerkfâden koenen hjir net oan foldwaan omdat dan de hikke fan de daam wie en dit ek de tsjerke yn finansjele problemen bringe soe. Hy is doe mei syn mâle kop nei de grifformearde tsjerke oergien en de bern waarden ek fan de CVO skoalle ôfhelle. Jierren letter sei hy: “It hie net sa wêze moatten, ik ha hjir doe net goed oandien”.)
Ds. H. HOEKSTRA.
Plaatsingslijst van het archief van H. Hoekstra (1873 – 1915.) (1917.)
Samengesteld door J. F. Seijlhouwer en F. de Vries.
Historisch Documentatie centrum voor het Nederlands Protestantisme (1800 – heden.)
Vrije Universiteit Amsterdam. De Boelelaan 1105 1081 HV Amsterdam.
Dûmny Hein Hoekstra, Nederlânsk teolooch, berne te Snits op 2-9-1852, stoarn op 31-12-1915 te Arnhem, studearre teology yn Útert ûnder oare ûnder Doedes en Beets, dy ’t him om syn eksegetyske jeften heechachtten. Hy tsjinne de gemeenten fan Skúzum - Piaam (sûnt 1879), BERLTSUM (sûnt 1881) en Útert (sûnt 1885). Yn Útert rekke hy yn de tsjerklike striid, itjinge yn 1887 ta it brekken (* mei “de Synoadale Organisaasje” laat hat. Yn 1892 gie hy nei Kollum, yn 1894 nei Schiedam, yn 1898 nei Arnhem, wêr ’t hy oan syn dea stien hat. It tsjerklik libben hat hy op in protte wizen tsjinne, û. o. as praeses fan ’e Synoade (1912). Hy publisearre ferskate preken bondels en inkelde dogmatyske stúdzjes, as De Dooperschen (1900) en Bijdrage tot de kennis van het Chiliasme (1903). Syn betsjutting lykwols lei yn syn preekjen, dy ’t orizjineel wienen en fan eksegetyske bejeftigens tsjûchden.
(* Noch eat oer de tsjerklike striid yn Útert: De beslissende tsjerkeriedsgearkomste fûn plak op 23-3-1887 en ûnder de ôffurdigen binne ek dûmny Schouten en syn kollega dûmny Hein Hoekstra, de eardere Berltsumer dûmny, dêr. Hoekstra lit ûnder de gearkomste te witten dat hy net langer ûnder sa ’n yn syn eagen sûndige organisaasje fierder gearkomme kin. Hy ferlit mei 15 oaren de Domkeamer. Ien fan harren beskriuwt letter de omstannichheden. “Wij vertrokken onder gesis, geraas en beschimpingen, ja ook dreigementen met stok en scheldwoorden. Ds. (Leendert) Schouten moet door twee man met geweld tegengehouden worden, als een haas zoo vlug wilde hij op de groene tafel springen om ds. Hoekstra te lijf te gaan, wat ook ds. Koningsbergen door om de tafel heen te loopen, wilde beproeven, doch hij werd daarin nog juist intijds door enige onzer wakkere broederen belet; en toen ook ds. Schouten in zijn sprong verhinderd werd en zijn stok in de hand hield, sloeg hij, nog door twee zijner buren vastgehouden, met een ontstuimige en razende woede op de groene tafel.
Dizze hjir sa tige lilke dûmny Schouten behearde ta de konservatieven dy ’t harren kearren tsjin in protte stânpunten, lykas de Skriftkrityk en learfrijheid. Ynearsten stie hy sympatyk oangeande de streaming fan Abraham Kuyper. Hy stie ek yn korrespondinsje mei him. Kuyper is sels wolris by him thús west om in troch Schouten boude miniatuer timpel te besjen. Mar de polarisearjende styl fan Kuyper en de grutske leechtinkende opmerkings fan him oer de Útertske Universiteit stuitten Schouten tsjin it boarst. Hy briek definityf mei Kuyper doe ’t dizze him te war sette tsjin it sjongen fan gesangen. Schouten wie dêr just in grut foarstanner fan. Ûnder de Doleânsje yn Útert, dy ’t it hiele jier 1886 duorre en dêr foar in protte ûnrêst soarge, laatte yn maart 1887 ta in definitive breuk. Schouten wie ien fan de fûlste bestriders tsjin de ôfskieding.
Ds. Schouten is de oprjochter fan it Bibelsk Museum, ien fan de âldste musea yn Nederlân. It wie earst fêstige yn Útert en no oan de Hearegrêft yn Amsterdam. It idee hjirefter wie de Bibel sichtber te meitsjen foar de gewoane man. Schouten sammele objekten, boeken en dergelike inkeld mei dit idee yn syn efterholle om te evangelisearjen. Oant hjoed de dei is it te merken oan de kolleksje al is it evangelisearjen begjin de njoggentiger jierren loslitten.
Ds. G. Th. DE COCK.
De (ferljochte) Thoe Schwartzenbergs hienen sawol yn profane as yn tsjerklike saken in protte te sizzen en in grutte ynfloed. Sa mei men oannimme dat de mear mei yn frijere opfettings oan de Thoe Schwartzenbergs ferbûne dûmny Gerardus Theodorus de Cock yn 1765 te BITGUM beroppen en kommen is. (Hy is as âld-omke besibbe oan de (ús) mear bekende dûmny de Cock fan Ulrum, de stifter fan de doe saneamde ôfskieden tsjerken. G. F. Thoe Schwartzenberg wie mar al te faak ek de beskermer fan de Cock, sa hat bliken dien. Bitgum is nei it ferstjerren fan ds. G. Th. de Cock mear en mear de frijsinnige kant opgien, en sa binne yn Bitgum (“it kin ferkeare”, om Brederode te sitearjen) folgelingen fan de Ulrumer dûmny Hendrik de Cock ûntstien. Ferskate Berltsumer rûnen sneins twaris nei Bitgum ta om dêr de tsjerketsjinsten fan de doe letter saneamde Kristlik Grifformearde tsjerke te besykjen. De tsjerke is yn 1892 opheven nei de fúzje fan de dolearjenden en de ôfskiedenen. (Dizze fúzje waard foaral troch de dûmny Ploos van Amstel bepleitte.)
Myn neef Fokke Jan‘s Fokkema út MENAAM, de soan fan Jan Fokke‘s Fokkema en Boatsje Watse ‘s Posthumus dy ’t hjir û. m. yn BERLTSUM it snoeihout twa kear yn it jier ophellet en in protte oare taken ferjochtet mei de frachtauto fan de gemeente MENAMERADIEL is ien fan ‘e ôfstammelingen fan de Bitgumer “Toleranten” dûmny Gerardus Theodorus de Cock, troud mei Margaretha Gerarda Wieland. In neikommeling fan ien fan harren fiif bern t. w. Aaltje Gerhardusdr. de Cock wie boaske mei Theunis Fokke ‘s Fokkema fan Menaam.
NA VEERTIG JAREN.
Ds. Gerhard Nijhuis hat in boekje fan 24 siden skreaun titele: Na Veertig Jaren. (1895) In útsprutsen rede holden yn de Herfoarme tsjerke te VEENENDAAL as neitins oan de wettersneed te Veenendaal op de 5e maart 1855. It giet oer de grutte oerstreaming fan 1855 yn de Gelderske Fallei. De manlju dêr moasten de huzen útflechtsje en koenen allinne noch harren tilbere have byien garje en mei harren jammerjende froulju en bern nei it tsjerkeplein flechtsje.
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
IT BEROPPEN.
It giet mei de dûmnys as de Dimter koeke, se moatte omfierrens wei komme.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
LEAFHAWWERS. (gastleden)
Yn de 17e ieu wie sa ’n 1/5de fan de Nederlanners lid fan de (Refoarmearre) tsjerke. In protte minsken wienen net iens dooplid fan de tsjerke of hienen net iens belidenis dien, mar besochten de tsjerke as “leafhawwer fan de Grifformearde religy” en waarden ek Grifformearden neamd, mar kamen net oan it Hillich Nachtmiel. It belidenis dwaan waard oer it algemien yn Fryslân en Grins folle minder dien dan yn de rest fan Nederlân. De oerheid seach it leafst ien brede (doopte / belidene) folkstsjerke.
In minderheid fan de befolking behearde by de Grifformearde tsjerke, de tsjerke fan de Kalvinisten. De âlde Roomske religy en de tsjerken fan de Doopsgesinden hienen allyksea in omfangrike oanhing. Eltsenien behearde yn dy tiid sawat by in tsjerke. Doch wie de Grifformearde tsjerke de wichtichste omdat hja ferbûn wie mei it boargerlik bestjoer. In part fan de publike funksjes wie foarbehâlden oan Grifformearden. Heechoprinnende tsjerklike striideraasjes krigen dêrtroch ûnûntkomber dan ek in publike diminsje. (Tink mar oan de tsjerklike striid tusken de Gomaristen (Maurits) en de Arminianen (Oldebarnevelt) yn de Gouden Ieu). It gie net allinne oer teologyske opfettings mar ek oer wa ’t de baas wie yn de tsjerke. Bytiden waard sels nei de wapens grepen. Maurits van Nassau naam it hêft yn hannen en ferwees teologyske kwesties nei in Synoade dy ’t hâlden wurde soe yn Doardrecht en de politike skeelen laatten úteinliks nei in ferbûn tusken Maurits en de radikale Gomaristen ta it berjochtsjen en it terjochtstellen fan Riedpensjonaris Johan van Oldebarnevelt. Sadree ’t teologyske rasjonalisaasjes in grutte rol begjinne te spyljen moat men foarsichtich wêze.
IT KOLLAASJERJOCHT
De Herfoarme tsjerke waard net allinne troch teologyske mieningsferskillen ta ûntbining brocht, mar ek troch de sosjale tsjinstellings dy ’t fanút de maatskippij oant yn de tsjerkemuorren trochdrongen. Dit kaam it dúdlikst ta útdrukking yn it núveraardich ynstitút fan it floreenstelsel dat oant yn de 19de ieu oan de lânhearen en boeren in frijwol ûnbeheind sizzenskip joegen yn tsjerklike oangelegenheden, wilens it gewoane folk amper ienige ynfloed op ‘e gong fan saken yn it tsjerklik libben útoefenje koe. Omdat it floreenstelsel yn ‘e 19 ieu sa ’n wichtige rol spile hat yn ‘e ûntwikkeling fan ‘e Herfoarme tsjerke kin in koarte útiensetting (útliz) oangeande dit ynstitút net mist wurde. It Departemintaal Bestjoer fan Fryslân trof yn 1804 regelings oangeande de keuze fan tsjerkfâden en it tafersjoch op it behear fan it tsjerklik guod. Der wie nei de ‘Omkear’ yn 1795 in skieding tusken tsjerke en Steat ûntstien mar it Departemintaal Bestjoer fan Fryslân kearde nettsjinsteande dat werom nei it eardere fingearjende floreenstelsel en bepaalde by publikaasje fan 27-6-1804 dat de keuze fan ‘e tsjerkfâden belêste mei it behear op it tsjerklik guod en it tafersjoch op it troch harren fierde behear yn eltse tsjerklike mienskip op it plattelân takaam oan de ynsittene floreenplichtigen fan ‘e Herfoarme (doopte en belidene) godtsjinst. It âlde floreenstelsel dat as grûnslach lein hie oan de belêsting op ‘e lannen en wêrfan it floreen-register byholden waard, en ôfskaft wie, troch dizze bepaling bliuw it besit foar de ferkiezings fan tsjerkfâden wer as fanâlds. Eltse Herfoarme floreenplichtige hie yn dizze oangelegheid stimrjocht en it oantal stimmen dat hy útbringe mocht wie ôfhinklik fan ‘e grutte fan syn grûnbesit. (Yn BERLTSUM hienen neist de stimhawwende pleatsen ek ferskate eigners fan wenhúzen dit stimrjocht.)
Om deselde tiid hinne kaam de Synoade fan ‘e Herfoarme tsjerke fan Fryslân te it Hearrenfean byinoar om nei de woelige jierren fan ‘e ‘Omkear’ (1795) oarder op saken te stellen. Hja kenden eigener beweging oan ‘e Herfoarme floreenplichtingen wer it rjocht ta , om krekt as foarhinne dat foar 1795 it gefal west wie, de dûmnys op it plattelân te beroppen en wol neffens it systeem, dat ek by it ferkiezen fan ‘e tsjerkfâden regele waard. Allinne yn ‘e stêden en yn dy gemeenten wêr’t foarhinne foar 1795 in oare wize fan beroppen fan de dûmny bestie, soe dizze op ‘e selde foet plakfine. Yn ‘e stêden waard de dûmny meastal troch de tsjerkerie beroppen út in troch de Magistraat goedkard trijetal, wêrby ’t net fergetten wurde moat, dat de Magistraat trochgeans ek net in lytse ynfloed hie op it gearstallen fan ‘e tsjerkerie. De dûmny dy ’t by it stemmen fan ‘e floreenplichtigen de measte stemmen krige, jilde as keazen dûmny. De tsjerkeried wie dan ferplichte dizze dûmny út namme fan ‘e gemeente te beroppen en harren foar approbaasje fan it berop ta de Klassis te kearjen. Koe de tsjerkerie him net mei de kar fan ’e floreenplichtigen yn ‘t lyk bringe, dan koe hja allinne mar yn dulsum ferset gean troch de beroppinsbrief yn te hâlden of de approbaasje net oan te freegjen. (wat hjir yn BERLTSUM destiids ek bard is by it beroppen yn 1872 fan ‘e frijsinnige dûmny fan WIER, Jan Imbertus Swijghuizen) Yn in soksoartich gefal koe de Klassis lykwols dwaan “wat des Kerkeraads is” en op dize wize de beropping trochgean fine litte. (wat hjir yn BERLTSUM doe ek bard is) Tsjerkerie en gemeente hienen de dûmny dan mar te oanfurdzjen. It Beslút fan ‘e Synoade fan it Hearrenfean waard troch it Departemintaal Bestjoer by Beskikking fan 26-8-1805 goedkard. By de tsjerklike reorganisaasje fan 1816 bliuwen de rjochten fan ‘e floreenplichtigen yn Fryslân sauvearre. Krekt mei yngong fan 1-1-1875 kaam it rjocht fan ‘e floreenplichtigen om in dûmny te beroppen te ferfallen en 20-5-1881 kaam der offisjeel in ein oan harren foech om tsjerkfâden te beneamen op it behear fan it tsjerklik guod. De frijsinnige tsjerkfâden moasten ôfgean. De belidene (fierwei de meast rjochtsinnige manlike) lidmaten fan ‘e tsjerke krigen it no foar it sizzen. Sa kaam hjir yn 1881 yn BERLTSUM de rjochtsinige dûmny Hein Hoekstra fan Skúzum en Piaam. Folle letter mochten ek de froulju harren stim útbringe yn tsjerklike saken.
(De ynsittende floreenplichtigen (w. û. ek de tsjerkfâden behearren) hienen fanâlds mei de grytman, as grutste floreenplichtige, it behear oer it tsjerklik ûnreplik guod.)
Foar 1625 wie der in protte strideraasje west tusken de oerheid en de tsjerklike gemeenten oer it tsjerklik stimrjocht. Wie it de hiele tsjerklike gemeente, sa as de Dordtse tsjerke-oarder stelde, dy’t in predikant beroppe mocht of, as yn Fryslân, de wrâldlike oerheid de rike grûneigners ? Dizze striid waard yn 1625 beslist yn it foardiel fan de rike grûneigners. Fanôf doe oant djip un de 19de ieu wie de predikant ôfhinklik fan de goede kontakten mei de reginten.
IT ALGEMIENE REGLEMINT
Yn 1816 krige de Herfoarme tsjerke in sintralistysk organisearre tsjerkestruktuer yn it plak fan de eardere Presbyteariaanske. De nije struktuer waard fêstlein yn in Algemien Reglemint, goedkard en bekrêftige op 6- 1-1816 by K. B. Dit wie mei namme op it conto fan kening Willem I. te skriuwen. De Steat betelle de dûmnystrakteminten út de steatskas en de tsjerklike administraasje stie ûnder tafersjoch fan de Steat. De ynfloed fan de Kening wie sa garandearre. De patriarchale kening seach himsels graach as presidint fan de tsjerke. De Synoadeleden ensafuothinne waarden no troch de kening keazen en hy moast in protte saken, de tsjerke oangeande, no goed of net goedkarre. De Synoadeleden hâlden oant 1870 kontakt mei de Steat troch middel fan it Ministearje fan Iepenbiere Earetsjinst. Kening Willem I. woe ha dat de tsjerke en de Steat gearwurkjen gienen. Neffens de Kening moast de tsjerke in tsjerke wurde geskikt om alle rjochtings byinoar te hâlden. Sa waarden tsjerke en steat oaninoar frissele om de ûnderdienen op te fieden ta deugdsume en krekte boargers. Dizze foarm fan boargerskip betsjutte altyd in religieus boargerskip. Dizze foarm ymplisearde dy deugden: beskaving, mûnigens en leafde foar it heitelân. De minske soe sa hieltyd mear en mear op de Soan fan God lykjen gean. De tsjerke dus as opfiedend genoatskip. De âld liberale “Grinzer rjochting” wêr ’t de BERLTSUMER dûmny Gerhard M. van der Tuuk ta behearde is hjir in goed foarbyld fan. Sjoch syn wurk foar de Maatskippij ta Nut fan it Algemien. (it “Nut”.)
Sjoch: de “Maatschappij tot Nut van ‘t Algemeen”. It doel wie om de minsken op in heger libbens nivo te bringen troch it lêzen fan boeken, hygiëne, ynsjoch, selsstannigens en gean sa mar troch.
Yn preken oant 1840 ta, achtten dûmnys it ferstân fan de minske as in dominearjende faktor yn de spiritualteit om de belidenis hinne. Emoasjes waarden neffens harren fan minder wichtich belang achtte. Salang it ferstân de lieding hie, koe der neat mis gean. Nei de jierren 1840 ferskoode de kearn fan de spiritualiteit fan it ferstân nei de tsjerke.
De letter opkommende frijsinnigen woenen de ferwurverheden fan de wittenskip gearrane litte mei it leauwen. Hja leinen de klam op it autonome oardieljen op de stim fan it eigen hert, de “frijheid fan it gewisse” neamd. Eksterne doktrines waarden oerboard set.
Yn 1842 ferklearre de regearing dat de Herfoarme tsjerke tenei sels har regleminten fêststelle en feroarje koe. De grûnwetwiziging fan 1848 fungearre as in katalisator om pluralisme op gong te bringen. Yn dat jier waard de frijheid fan godstjinst, printparse, feriening en gearkomsten fêstlein. Der kaam in skieding fan Tsjerke en Steat en dêrmei de bemuoienis fan de Steat mei de tsjerke. Fanôf 1867 koenen de manlike gemeenteleden fan 23 en âlder sels de tsjerkeried kieze of in dûmny beroppe. Hast yn it hiele lân waarden dêrnei de dûmnys beroppen troch de tsjerkeried of troch in Kieskolleezje, behalve yn de 354 Fryske tsjerkemienskippen. Yn Fryslân op it plattelân, lykas dus ek yn BERLTSUM, wienen dat de tsjerklike floreenplichtigen wêrfan somtiden in protte net iens yn BERLTSUM wennen. Foarhinne gie dit troch koöptaasje. (d. w. s. it kolleezje ferfolde sels de ûntstiene fakatuere.)
(Tsjerkerieden wienen doe minder demokratysk dan wolris tocht wurd. Ek de wize wêrop de gearstalling ta stân kaam, koe amper demokratysk neamd wurde. Yn in protte gemeenten folde de tsjerkerie himsels oan (koöptaasje) en waarde de diakens troch de tsjerkeried beneamd. Somtiden hie de oerheid ek wat te sizzen yn de gearstalling. Sa wie it yn de Fryske stêden ferplicht om minstens ien âlderling út de Magistraat te kiezen. Yn Nijmegen bgl. waard de helte fan it konsistoarje út de sittende Magistraat keazen. Dat jilde ek foar de Waalske gemeenten yn de doe saneamde Grifformearde tsjerke. Yn Middelboarch waard 1/3 fan de tsjerkeried troch de oerheid keazen, 1/3 troch de tsjerkerie sels en dizze twa dielen tegearre, 8 âlderlingen sterk, keazen as “kolleezje kwotifikatuer” ek nochris 1/3 út de meast kwalisitearren fan de Grifformearde boargerij. Yn Arnhim moast men foar1687 twaris diaken west hawwe om ta âlderling beneamd wurde te kinnen. Reginten makken diel út fan de tsjerkebestjoeren, omdat hja mienden dat de publike tsjerke as dragend elemint fan de Republyk net allinne oan de lytse man sûnder politike ferantwurdlikheid oerlitten wurde koe. Oeral yn de Nederlannen wie it dus eartiids wer oars regele.)
Yn 1816 leinen de opstellers fan de Nije Tsjerke Oarder fan de Herfoarme tsjerke in iepenbiere befêstigingstsjinst op. (De iepenbiere belidenis) Op guon plakken waard fjouwerris yn it jier in oannimmingstsjinst hâlden en op oare plakken fakentiden allinne foar de Peaske mei as bekrêftiging in oanslútend Hillich Nachtmiel. Men wie dan folweardich lid fan de tsjerke. Op in oannimmingsjûn dêrfoar, it slútstik fan de belideniskategisaasje ferskinden de kategisanten foar de dûmny mei ien of mear âlderlingen en waarden hja tante op wat hja de ôfrûne moannen leard hienen. Wie de dûmny frijsinnich en ien of mear âlderlingen rjochtsinnich dan joech dat fakentiden strideraasjes en oarsom kaam dat ek foar.
De Doardtse Tsjerke Oarder stelde destiids dat de hiele tsjerklike gemeente beroppe mocht. Yn Fryslân woe men hawwe dat de wrâldske oerheid - de rike grûneigners – (floreenplichtigen) allinne beroppe koenen. Dizze striid waard úteinliks yn 1645 beslist yn it foardiel fan de lêsten. Fanôf doe (oant djip yn de 19e ieu) wie de dûmny ôfhinklik fan syn goede kontakten mei de reginten.
IT KONVINT FAN WEZEL
It Konvint fan Wezel waard yn novimber 1568 hâlden. Dêr waard de grûnslach lein foar de Presbyteariaanske synoadale opbou fan de tsjerke fan de Reformaasje yn Nederlân. Noch foarst, noch biskop, noch oerheid, nocht geastlikheid soe it foar it sizzen hawwe yn de tsjerke, mar DE GEMEENTE. Hja soe de dûmnys beroppe en de âlderlingen en de diakens kieze. In folslein demokratyske ynrjochting dus, MEI YNSPRAAK en al. Yn Wezel tocht men mear oan de gemeenteleden en folle wichtiger rol ta dan ‘t hja úteinliks krigen hawwe yn de “dûmnys tsjerke” dy’t de Nederlânsk Herfoarme tsjerke wurden is.
FRIESCH DAGBLAD, zaterdag 7 juni 2003.
(foto: Jan & Jeannette tegearre foar de Koepeltsjerke.)
Ds. Jeannette en Jan G. van den Boogaard uit BERLIKUM.
Dominee wordt huisman, vrouw gaat de kansel op.
Door Lodewijk (Jenne’s) Born.
(Jeannette van den Boogaard – Bongers hat op 1 oktober 2012 it op harren diene berop fan de P. K. N. gemeente fan Hallum (“Mariëngaarde”) oannommen en sil nei goed trije moanne op snein 27 jannewaris 2013 hjir ôfskie nimme en dêrnei dêrhinne ferhúzje. Hja wie de lêste hjir as Herfoarme dûmny beroppene te BERLTSUM en stiet dan ek as lêste op de troch my makke dûmnys list fan ‘e Herfoarme gemeente fan BERLTSUM. De list is hjirmei ôfsluten.)
Sjoch ek op GOOGLE:
Feestelijk afscheid van vertrekkende dominee – BERLIKUM.com
Út de QUACLAPPEN. (Sententie boeken fan it Hôf fan Fryslân.) 1600-1612
Pagina 25 den 15 october 1600: Nicolaus Johannes van Sneek, predicant te BELCUM, in de naam van zijn benificie, CONTRA Rienck Martens, mederechter in MENALDUMADEEL. Het HOFF verklaart de opzegging van de 4 pondematen land ten processe uitgebracht, den gedaagde gedaan, wel en terecht gedaan, dientengevolge cond. (de gedaagde), om tot profijte van de impetrant (eiser) de vs, 4 pondematen landts te ontwijken, ende hem dezzelve te laten volgen, en restitueren met vruchten, profijten en emolumenten, daaraan sedert de opzegginge gehad en genoten, nog te hebben en genieten tot de relaxatie vandien en cond. de gedaagde in de kosten tot des Hoffs tauxatie.
Nicolaas Johannis (sjoch hjirboppe) CONTRA Syurdt Minnes, ged. t ’HOFF verklaart de opzegging van de 3 pondematen landts by de processe uitgedrukt den gedaagde gedaan, wel en terecht gedaan te wezen, dientengevolge cond. de gedaagde om tot profijt van de impetrant, de vs. 3 pondematen land te ontwijken en hem de zelve te laten volgen en restitueren met de profijten etc. en condemneert hem in de kosten tot ‘s HOFFs tauxatie.
Sa stiet boppeneamde Syurd Minne tot BELCKUM ek ris tsjinoer Pier Joh. Tania tot BELKUM. Yn 1601 wurdt in Jacob Syrcks neamd, fan berop bakker te BELKUM. Yn 1606 wurdt in Jacob Jans neamd as lakenkoper tot BERLICUM. Yn 1599 in Dirck Albert ‘s Munnickhuis, boaske mei Tryn Dirks, te WIER en in Goris Cornelis fan BERLICUM.
Samar foar de aarichheid noch wat nammen fan Berltsumers en Wiersters dy ’t hjir om it jier 1600 hinne en letter foarkomme yn ‘e quaclappen.
In Wybe Oedsma te Harns kontra Dirck Alberts (Monnickshuis) fan WIER.
In Dirck Alberts (Munnickhuis) boer te WIER kontra in Jurgien Pybes te Hijum en Willem Stevens, boer (aan de Kouweweg) te BERLTSUM, de soan fan Steven Huigen.
Bauck Hotses de wed van wln Wybrand Wouters, burger binnen Franeker impt CONTRA Juke Wibrands, kuiper te BELKUM en Dirk Frans te Franeker (in 1605)
In Thomas Hessels tot BELKUM kontra in Gercke Wybes,
In Jan Freerks kontra in Ariaen Jacobs tot BELCKUM.
JACOB(US) LAUTENBACH (ien fan myn foarfaars, sjoch it Lautenbach boek) des Vreeschen Nassauschen Rejiments gerechtsscholtis (wenjende te Ljouwert).
In Eelcke Sipckes te Grijpskerk, triumphant en requirant, kontra Tading Adeelen te BELCKUM als voormond over de kinderen van wijlen Binnert Heeringa en Fookel van Roorda, in leven echtelieden.
Dirck Alberts (Munnickhuis, húsman) te WIER kontra in Douwe Nijenhuis, postulant te Ljouwert.
In Adriaan Jacobs te BELCKUM kontra in Marten Claes cs.
Pier Foppes TANIA, húsman, wenjende op Tania-State te Blije (ien fan myn foarâlden) ko)ntra Taco van Aelwa (Aylva), Grytman fan Ferwerteradiel. (*
Pier Johannes TANIA (oan my besibbe) wenjende te BELKUM kontra in Syurd Minnes tot BELCKUM. (*
In Jacob Jans, lakenkoper tot BERLICKUM en cav voor Johanna Jansdr. zijn huisvrouw kontra in Pier Johannes en Swaene Tyercksdr. te AENGIUM.
In Heere Dircks tot BELCKUM kontra in Syurd Minnes tot BELKUM.
In Gabbe Dirks, burger te Harlingen kontra in Trijn Hendriks Sonnius wed. Wenjende te BELKUM.
In Gysbert Willems OP het Bildt kontra in Jan Martens tot BELKUM.
In Marten Claas te BERLICUM kontra in Jan Tyaards te WIER.
In Dirck Dircks te WIER, troud mei Sijdtsche Sijnedr. (de âlde of de jonge? húsman) kontra in Balling Dircks te BERLIKUM.
In Andries Hiddema tot WIER kontra in Jenne Robijns.
In Andries van Hiddema tot WIER kontra Tiete Baard, siktaris fan Menameradiel.
Tading van Adelen (**, in Breutic (Broer) Jacobs en in Geris (Goris?) Cornelis als volmachten van het dorp BERLIKUM kontra in Romke Foppes aldaar en in Lyuewe Uulkes te AENGIUM. In factis.
Út in keapbrief blykt dat boppeneamde Breutic Jacobs te BERLTSUM fan Georg Wolfgang Schwartsenberg lân kocht hat, hy wie eigner wurden troch niaer. Foarige eigners wienen de erven fan in Hessel Pieters, wierskynlik te BERLTSUM, d. d. 1608. Út in keapbrief blykt dat “het Groothof” (?) lizzende op it “Oostend” te BERLIKUM (ek Hemmema state?) ferkocht wurdt troch de erven Breutic Jacobs oan Duco van Hemmema, eardere eigner wie Tading van Adeelen en Atje van Roorda, d. d. 1650.
Eydso van Lyklema, gerechts scholtus, kontra Willem Jans (Knijff, fan berop kompanjyskriuwer) als mede erfgenaam van wijlen JACOB(US) LAUTENBACH (stoarn op 17 en begroeven op 21 maart 1611 yn de Grutte (Jacobiner) Tsjerke te Ljouwert), gerechts scholtus, voor hen en mede yntervieniearjende foar in Hessel van Bootsma, fan berop ûnfanger-generaal.
en gean sa mar troch.
(* Fuotnoat:
In oare Tania t. w. Doede Piers Tania (somtiden ek as Douwe skreaun?) wenjende te Blije (1583, 1585) en op it Amelân, stoarn nei 1599, wie troud mei Agneta van Popta, stoarn nei 1599. Doede Piers Tania wie dêr yn Blije yn 1587 doarpsrjochter, letter yn 1590 is hy boarger fan Frjentsjer wurden. (sjoch grêfskriften IV Menameradiel) Hôf fan Fryslân: 16700-187 d.d. 1583. Doede Piers Tania hannelt dêr foar syn frou Agneta Herckes van Popta, de suster fan Rieme van Popta dy ’t troud wie mei Hans van Galama, de soan fan Gale van Galama en Aelcke van Walta. Doede Piers Tania is fan fierren oan my besibbe.
(** Fuotmoat.
De hjir op 13-7-1607 neamde Tading van Adelen is yn 1583 boaske mei Ath van Roorda, widdo van Hemmema, wenjende op Hemmemastate, stoarn te BERLTSUM yn sept. 1615 en dêr begroeven op 9-9-1615, dochter fan Ruurd van Roorda en Doutzen Hansdr. Van Sassinga.
Út dit houlik binne fiif bern berne t. w.: 1. Ruurt (Rudolphus) ab Adelen yn 1600 studint te Altdorf en op 1-7-1611 as studint te Padua. Hy is jong stoarn. (Men. 50-332/333 d.d. 30-11-1615 inventarisatie ten huize van Haytie ....... te BERLIKUM.) 2. Ulb. Van Adelen, stoar nei 1613. As Ulpianus ab Adelen wie hy yn 1610 studint te Altdorf en op 1-4-1613 as studint te Padua. Hy is jong stoarn. 3. RIENK van ADELEN, stoarn foar 1656, begroeven te BERLTSUM, (grêfstien), as Marius ab Adelen wie hy yn 1613 (dus tagelyk mei syn broer Ulb) studint te Padua. Hy wie letter kaptein yn it leger. Op de sark fan Rienck en syn frou Aelck van Harinxma steane de kwartieren fan syn oer foarâlden neffens it Burmaniaboek: Foar him Adelen, ....... Sytzama, Hiddema, Roorda, Tetema, Sassinga, Hiddema. Foar syn frou Harinxma, Roorda, Hoytema, Galama, Dunnewalt, Gönnyp, Verwoort, .......... As folget te ferklearjen: N. Van Adelen troud mei N. N. , Harmen Piers (Sytzama troud mei Tjets Goslick dr. Van Hiddema, Johan van Roorda / Tietema troud mei Anna van Hanckema, Hans van Sassinga troud mei Tjets Goslickdr. Van Hiddema en Douwe van Harinxma troud mei Popck van Roorda, Hoyte Uninga van Hoytema troud mei Ydt van Galama, N. van Dunnewoldt troud mei N. Gönnyp, N. Verwoort troud mei N. N.
Rienck is troud te Heeg op 26-12-1637 mei Aelck van Harinxma, berne te Weel op 26-6-1613 en stoarn nei 1656, begroeven te BERLTSUM, (grêfstien), dochter fan Douwe van Harinxma en Machteld van Dunnewoldt.
4. Barber van Adelen, hja is jong stoarn en 5. Anna van Adelen ek hja is jong ferstoarn. (grêfstien)
De stêd Padua leit yn Noard-Itaalje (It. Padova. Lat. Ptavium) en is de haadstêd fan de lykneamde provinsje Padua. De stifting fan de universiteit yn 1222 en de útwreiding yn 1238 troch keizer Frederik II is fan grutte betsjutting west foar de stêd. Dizze universiteit kin as de widze fan it humanisme beskôge wurde. Yn 1545 wurdt hjir de Orto botanica di Padova stifte, de âldste Hortus botanicus fan Jeropa. Soe dit te krijen hân hawwe dat dizze soannen hjir hinne stjoerd binne? Om it âlde Hemmema yn BERLTSUM leinen ek in protte túnen op it Bilt en men wol wol hawwe dat troch op oantrúnen fan dit aadlik skaai de Berltsumer túnbou ûntstien is nei it ynpolderjen fan it Bilt. De beide mannen hawwe de bekende Galileo Galileï krekt net meimakke. Hy wie hjir heechlearaar fan 1590 oant 1610.
MOMBOIRBOEKEN 1560-1590
Hjiryn wurde ûnder oare neamd: in Jan Goerts, in Loenis Stevens, in Everaert Willems en in Joost Sanders as momboirs (mombers binne fâden oer ûnmûnigen, behearders fan ynboelguod) oer in Gerart “enige onbejaerde zoon van wijlen Bartholomeus Jacopsz bij wijlen Beatris van BERLIKUM.” De momboirs ferkeapje op 25-3-1561 “haeffelijke goederen”.
PIER FOPPES TANIA / CORNELIS CORNELISSEN POSTHUMUS.
Ien fan myn foarpakes t. w. Jan Clases Tania, in pakesizzer fan Pier Foppes Tania wenjende te Blije op de pleats “Tania State” (grut en lyts Tania), wie troud mei Rixt Jorrits en wenne letter yn Ternaard op de pleats “Helbada”. (sjoch stambeam Posthumus. By it nammeferneamen is de namme Richtje (Rixt) van Postma (Posthumus), de frou fan de eardere Berltsumer bakker Reinder Jans Hoekstra, wenjende op de hoeke fan fan de Krússtrjitte en it Skil, sa ek oan har namme kommen. Harren nammen komme beide foar op de ledelist fan de Doopsgesinde tsjerke fan BERLTSUM en binne tusken 1839 en 1851 fanút Holwert by dizze gemeente kommen )
Agneta van Popta, troud mei de earder hjir boppe neamde Doede Piers Tania, is besibbe oan Bauck van Popta (better bekend as: “ús Bauck”), troud mei Doeke van Hemmema, de soan fan Hette van Hemmema en Ebel Riencksdr. van Juwsma. Doeke wie fan de Skieringer partij. Op 14-10-1491 wurdt hy neamd as Olderman fan BERLIKUM. Pax (frede) d.d. 10-10-1492: hy slút him mei oaren oan by it bûn mei Grins. Pax (frede) d. d. 12-11-1496: hy slút mei syn broer Alef ean oaren in ferdrach mei Grins, Ljouwert en Dokkum. Yn 1502 wurdt hy neamd as Grytman fan Barradiel. Doecke ûntfong by lienbrief fan de Saksyske hertogen d. d. 13-10-1502 15 moargen lân op it Bilt, neist de 35 moargen dy ’t hy dêr al besiet. Op 5-1-1505 komt hy foar op de list fan Fryske ealju.
CRIMINELE SENTENTIES HOF van FRIESLAND
Samar wer in pear nammen fan Berltsumers dy ’t hjir yn dit boek foarkomme. It binne:
In Sibren Hanses, School, (9-10-1712), in Rinske Jacobs, tsjinstfaam, (23-2-1720), Marten Jacobs, boer yn it Kleaster-Anjum, (11-5-1720) sjoch by: De ketter fan it Kleaster-Anjum, in Keimpe Sjouke, (12-2-1724), in Dieuwke Sytses (14-9-1725), in Klaas Gerrits (11-10-1727), in Antje Gabes (18-12-1735), in Eeltje Gabes (8-1-1732), in Wybren Joostes, weinmakker, (13-7-1748), in Harmen Gerrits (19-2-1770), in Jan Gysberts (Wassenaar) (18-1-1781), in Jan Symens (Wassenaar) (ek op 18-1-1781), in Jan Sjoerds (idem op 18-1-1781), in Rein Jeremias (Quarré) dy ’t troud is mei Berber Pieters? (idem op 18-1-1781), in Claas Dirks (dit in dei letter op 19-1-1781), in Sybren Sents, kastlein, (22-5-1781), twaris in (* Eva Reins, (op 15-11-1787 en op 7-9-1793 en in Antje Sikkes ek op 7-9-1793), in Fokke Johannes, smid (24-9-1788), in Egbert Tulleners, bakker, hy is oarspronklik fan Ljouwert ofkomstich? (30-3-1789) in Andele Lolkes, (Boomsma), rintenier (27-3-1789), in Pieter Durks, (8-3-1799), in in Lieuwe Jelles (27-10-1800), en in Teake Martens (5-3-1801).
(* op 11-9-1810 ferstjert hjir yn BERLTSUM in net troude Eva Reins, 44 jier âld en hja lit 3 bern nei. Dit soe deselde frou wolris wêze kinne.
EARDERE TSJERKFÂDEN en EARMFÂDEN fan BERLTSUM
Samar in pear nammen: Hette Hemmema, Ernst Lyeuues (Lieuwes) (1555), Jarich Dries (1555), Pier Tyercks (1561), Tzaling Sytthies (1563), Folckert Rommerts (1563), Marten Tialles (1583), Tyerck Jans (1583) en Nanne Gerrits (Nanne Gerrolts) (1583),
® ANNO 1687 DEN 5 MAY IS IN DEN / HEERE GERUST DEN EERSAME RUIERDT / MEINTES IN LEVEN MR BACKER TOT / BERLCKUM OUD INT 72 JAER ENDE / LEIT ALHIER BEGRAVEN /
Ao 1717 DEN 13 DECEMBER STIERF / CHRISTELIJK SAEPKE QUADER HUIS / VOUW VAN J. PLANTINUS PREDIKANT / TOT BERLIKUM OUD 18 JAAR 7 MAAND / EN 12 DAGEN EN LEIT HIER BEGRAVEN /
Hja stoar yn it kreambêd nei de berte fan it famke Saapke, ferneamd nei har mem Saepcke Quader. Saepke Plantinus is berne / doopt op 13/19 desimber 1717. Saapke Quader troude te BERLTSUM op 5-4-1716 mei ds. Johannes Plantinus, de op 8-10-1692 berne soan fan Tjalling Riencksz. , skipper, en Grietje Jansdr. Hy troude opnij te Ljouwert op 18- 4-1723 mei in Maria van de Put.
Ds. Johannes Plantinus (1672 - 1771), berne as soan fan in skipper út Ljouwert, hat dûmny west te BERLTSUM, Hylpen, Ljouwert, Útert en te Amsterdam sûnt 29- 9-1726. Ienris yn Amsterdam knope hy freonskipsbannen oan mei Von Zinzendorff fan de Hernhutters, en fersette him, mei de dûmny ’s De Bruyn, Schiphorst en Hironymus S. van Alphen tsjin de bekende ds. Kulenkamp. Gerardus Kulenkamp (berne te Bremen 30-10-1700 en stoarn te Amsterdam 9 -10 -1775) hat bekendheid krigen troch syn geskriften oer de Hernhutter Broedergemeente en makke ek diel út fan de ûndersykommisje nei de lear fan de Hernhutters. Dit resultearre yn in “Herderlijke en Vaderlijke” brief (1738) wêrfan Kulenkamp de opsteller wie. Hjiryn wurde de Hernhutters in oantal ûnrjochtmjittichheden oanwriuwn. Letter hat ds. Plantinus him yn 1750 wer fan harren ôfkeard fanwegen de lietenbondel fan Von Zinzendorf. Sympatiek docht Plantinus oan yn syn jubileumpreek wêryn ’t hy tsjin de gemeente seit: “Gij hebt den room van mijn beste jaren en fleurige dagen gehad, weest dan ook tevreden met de blote melk. Hebbe ick geen banket meer op te zetten, houd u vergenoegt met een schotel moes”. Hy wie goed befreone mei de bekende Rutger Schutte dy ’t syn lykrede holden hat. Ds. Rutger Schutte (berne te Diepenheim 29-11-1703 - stoarn te Amsterdam 19-12-1784) moat alderearst as dichter neamd wurde. Hy joech in protte bondels út, wêryn ferskate nije berimings fan de psalmen, lieten op teksten út oare bibelboeken, jûn- en moarnssangen, lieten foar de Kristlike feestdagen en in grut oantal nije sangen.
“FEMINISTYSKE” TEOLOGY.
(emansipaasje)
Yn de Minniste tsjerken kaam op 5-11- 1911 de earste froulike dûmny yn Bovenknijpe (De Knipe by it Hearrenfean) op de preekstoel te stean. It wie (de ultra-frijsinnige) dr. Anne Zernike (1887-1972), troud mei de jong oan t.b.c. ferstoarne skilder Jan Mankes. Hja hie studearre oan it Doopsgesind seminarium te Amsterdam. Dat hja foar De Knipe (Bovenknijpe) keazen hat, nei earst betanke te hawwen foar in berop út twa oare noardlike doarpen (Mensingeweer en Baard) is nei alle gedachten net tafallich west. Se hannele wierskynlik mei foarkennis as it gie om de teologyske en maatskiplike lizzing fan De Knipe. Hjir stie ien fan ‘e earste reade dûmnys, t. w. ds. J. A. Bruins tusken 1900 en 1906 yn ‘e Herfoarme tsjerke fan De Knipe. Fanôf de kânsel ferkundige Bruins as dûmny en fegetariër it sosjalisme en de gehielûnthâlding oan syn tahearders, wêrûnder in protte arbeiders wienen. De kristen-sosjalistyske dûmny rjochtte yn 1902 mei syn kollega’s Sybe Kornelis Bakker (ôfkomstich fan WIER) en S. Winkel it Wykblêd “De Blijde Wereld” op. Kopij foar it blêd, dat de slogan “Naast het kruis de rode vaan” yntrodusearre, koe nei De Knipe stjoerd wurde. Yn dy oare tsjerke yn dit lytse doarp, de Minniste gemeente fan De Knipe, wienen de liberale boeren út dy omkriten sterk fertsjintwurdige. It kin net oars of Anne Zernike wie op ‘e hichte fan ‘e situaasje yn Fryslân. Zernike gie fanút Amsterdam nei it Noarden, mar wol mei pine yn it hert. Hja wie in felle ferdigener fan de radikale frijsinnichheid, dit behear- de ta har wichtichste leauwensartikels. Dat makke har net altyd populêr. Hja hat nei it ferstjerren fan har man, yn 1920, dan ek nea mear in berop út te Doopsgesinde Broederschap hân. Sterker noch, somlike frijsinnige gemeenten en genoatskippen setten har op in “swarte list”, omdat hja as foargonger, de ultra-frijsinnige boadskip neffens harren op te wisse toan brocht. Fierders kamen hja der faak ek al gau op werom: in protte frijsinnige tsjerkegongers woenen har just om har helderens en redenrikens just wol graach preekjen hearre. Yn de Herfoarme tsjerke mocht yn 1924 pas de frou foar it earst as help-preker yn de tsjerke fungearje en yn 1954 pas as dûmny. Dizze domina t. w. Bé Ruys hie yn Útert (1937-1941) teology studearre. Hja hie yn ’e Twadde Wrâldoarloch in protte Joaden ûnderdûke litten en wie letter sûnt 1949 domina fan ‘e Oecumenyske gemeente yn Blyn (Berlyn) wêr ’t letter ek in protte flechtlingen opfongen waarden. De earste frou yn ‘e minniste tsjerkerie hjir yn BERLTSUM wie yn 1916 frou H. Klasing Schonegevel. Yn de Grifformearde tsjerken waarden de froulju yn 1969 pas op de preekstoel talitten. It wie Nora van Egmond en hja waard op 17-1-1970 befêstige as dûmny te Baarn. Yn BERLTSUM kaam Lobke Meerstra-Plantenga as earste frou yn ‘e Herfoarme tsjerkerie en koart dernei yn 1977 kamen de earste froulju hjir yn de Grifformearde tsjerkerie. It wienen as âlderlingen de froulju K. Hoekstra-Boers en Djoke van der Graaf-Hoitsma en as diaken Tony de Jong-Ruyg. Jeannette van den Boogaard-Bongers wie hjir de earste froulike dûmny fan de Herfoarme gemeente, de lettere P. K. N. gemeente fan BERLTSUM. Yn de Minniste tsjerke fan BERLTSUM wie Saartje E. Treffers de earste froulike dumny.
Oant 1871 hienen allinne manlju tagong ta de Nederlânske universiteiten. Aletta Jacobs stie yn Nederlân as earste frou offisjeel ynskreaun as studinte.
BERLTSUM / WIER.
BERLTSUM en WIER hawwe tegearre ien dûmny hân fan desimber 1606 oant 20- 8-1620.
(Ds. Nicolaas Johannes (Klaas Jans) van Sneek (Snecanus), ek wol Monsma neamd.)
BERLTSUM hie yn 1598 46 lidmaten. Yn 1634 in 92, yn 1656 in 148, yn 1657 in 243 *), yn 1687 in 203 lidmaten. De Berltsumer gemeente stie yn 1658 by de Synoade bekend as in “Populeuzen ghemeente”. Yn 1772 wie der in dúdlike efterútgong te sjen, doe wienen der noch mar 112.
Ds. Gregorius Mees, yn BERLTSUM op 16-11-1656 troud mei Rudolpha (of Rolina) Allerts Santvoort, waard yn April 1656 beroppen en hy gie yn Novimber 1657 al wer fuort. Yn Juny 1656 telde de gemeente 148 lidmaten. Yn dy oardel jier dat hy hjir stie waarden 61 lidmaten op belidenis oannommen (wêrûnder 2 Katoliken) en 21 kamen yn BERLTSUM mei attestaasje; Mees doopte 13 folwoeksenen dat der 243 lidmaten wienen by syn fuortgean. (sjoch ek 78).
Mees wie in begoedige man. As de biograaf fan Mees it oer syn wolstân hat, skriuwt hy dat de dûmny yn syn Grinzer tiid (1657 -1676) al yn goede dwaan skine west te hawwen, omdat hy efter syn hûs in stâle mei twa hynders hie. It besit fan kales en hynders wie in status symboal by útstek yn dy tiid. Hjir yn BERLTSUM stie by de foarige pastorije ek in skuorke wer ’t twa kij en twa hynders yn stean koene. Hjir sille doe syn hynders wol yn stien hawwe, tink ik. It skuorke wie boud op âlde yn de grûn noch sittende kleastermoppen. Dizze kleastermoppen binne brûkt by de restauraasje fan de “Âlde Wite” te Dronryp. Syn âlste dochter Talitha is hjir yn 1657 berne.
(Doe ’t yn 2015 it bordes fan de Koepeltsjerke wei west hat foar restauraasje, bliken dêrûnder ek in protte âlde kleastermoppen (ca 30 cm lingte, 15 cm breedte en 9 cm hichte) te sitten. By it opnij pleatsen fan it bordes er hjir doe sân foar yn it plak kommen.)
Voor de Kerkhervorming waren BERLIKUM en UITGONG ook in het kerkelijke geen onvermaarde plaatsen, hetwelk ook daaruit blijkt, dat men een Hoofdpastoor, eenen Vicaris en drie Prebendarissen had welke alle rijkelijk besoldigd werden.
L. C. 23-7-1879.
BERLTSUM hie sunt 1328/1332 in grutte bining mei it Kleaster (abdij) Lidlum. De tsjerke fan BERLTSUM krige har geastliken fan Lidlum en in protte fan harren waarden letter Abt fan Lidlum. Al jierren lang waard hjir in omgong holden mei in merakuleuze hostie; wat dêrfan de reden wie is net bekend.
Út Sibrandus Leo ’s “Abtenlevens der Friesche kloosters “Mariëngaard” en “Lidlum”.
Oan de soarch fan it Kleaster - Lidlum wienen sa ’n 18 parochys tabetroud. De Vitae joegen oan: Sandwijk “Hollandine ditonis”, Hoarne op Skylge, Lytsewierrum, Eastersee, BERLTSUM, Seisbierrum, Spannum, Winsum, Tsjummearum, Menaam en Boazum. De Taxenlist fan ’e tsjerken fan Westergea (plm. 1482) neamd fierder: Wjelsryp, Baaium, Hûns, Baard, Easterlittens, Britswert en Wiuwert.
Fan al dizze tsjerken besiet it Kleaster - Lidlum it rjocht fan collatie. (kollaazje: it rjocht om pastoars te beneamen.) Meardere kearen joech dit oanlieding ta swierrichheden mei de Adel. Sa makken om 1450 hinne de Roordama ’s harren mei geweld master fan de pastorije te Tsjummearum en ynstallearren dêr harren pastoar.
In protte bedikings- en ynpolderingswurk hat plak fûn û. l. f. de Kleasters “Mariëndal” te Lidlum, “Mariënberg” by BERLTSUM en “Mariëngaard” oan de mûning fan de Mulsee (by Hallum). Hjir hawwe ús omkriten (MENAMERADIEL, It Bilt, Frjentsjerteradiel) in protte oan te tankjen.
It Premonstratenzer (Norbertiner) Kleaster “Mariëndal” (“Vallis Mariëndal”, letter it “âld Mariëndal” neamd) wie stifte yn 1182 troch in Sibo dy ’t deun by de Waadsee wenne en in Tsjalling Donia fan Bonnekamp by Winsum (Fr.). It kleaster “Vallis Mariëndal“ waard deun by it Waad stifte oan de Kapellewei, mar it hieltyd heger opkommende seewetter makke it ferpleatsen mear it binnenlân yn, rjochting Easterbierrum, needsaaklik. (Westerbierrum wie yn 1237 foargoed yn de Waadsee ferdwûn.) It nije, mear it lân yn, stifte Praemonstratenser Kleaster “Lidlum” mei deselde namme “(nij) Mariëndal” levere in protte preesters/pastoars oan de omlizzende doarpen w. û. BERLTSUM. De “Wythearen” fan Mariëndal hienen in grutte ynfloed op it geastlik libben fan Westergoa. It kleaster stifte sels ek wer twa dochterkleasters t. w. it froulju ’s kleaster ”Michaëlsberg” tusken Baaium (“Monnike Baaium”) en Winsum (Fr.) en it Kleaster “Vinea Domini” (Wyngerd fan de Hear) by Penjum. Letter yn de Midsiuwen spile it kleaster in rol yn de striid tusken de Skieringers en de Fetkeapers. De frijhannel foarsteande “Wythearen” waarden troch harren tsjinstanners , de Skieringers, Fetkeapers neamd. De ekonomysk konservative Fetkeapers waarden letter stipe troch de “Grinzers”. As Premon- stratenzer (Norbertiner) Kleaster, de kant fan ‘e Fetkeapers kiezende, fierde it Kleaster Lidlum ek in fûle striid tsjin de Roorda(ma’s) fan Tsjommearum, tsjin de Sjaerdema’s fan Frjentsjer en sels tsjin de Skiere monniken fan Bloemkamp (Oldeclooster). De bemastere kleasters fungearren dan somtiden as kazerne, fan wêrút dan útfallen dien waarden.
It wurd “vallis” (dal) seit dat it kleaster net op in hichte stie, dit yn tsjinstelling ta kleasters dy ’t op terpen stienen. Dan kaam der faak it wurd “mons” (berch) foar te stean. Fryslân hat no noch, kwa oerflak, de measte tsjerken yn West-Jeropa en hie, kwa oerflak, ek de measte kleasters fan Nederlân. (likernôch in fyftichtal) Oan it begjin fan ‘e 16de ieu telde Fryslân rom 360 parochys, wêryn ‘t sa ’n 500 geastliken wurksum wienen.”
GJIN SINTRAAL GESACH
Omdat der foarhinne gjin sintraal gesach wie foar it oplossen fan de problemen dy’t hjir hieltiten mar wer ûntstienen nei de stoarmfloeden, earmoede, honger en de wetterhúshâlding, hawwe de Fryske ealju om 1200 hinne de Norbertinen fan Mariëngaarde hjir hinne helle. (* notearrings: út de Norbertiner Abdij Tongerlo) Hja droegen de kennis om de libbensomstannichheden fan de befolking te ferbetterjen. Dizze Norbertinen soargen ek foar de wetterhúshâlding op in earder hjirfoar troch harren oanleine simmerdyk (skreedyk) tsjin it opkommende seewetter as beskerming tsjin it opbilde kwelderlân fan it Bilt. Hja setten wetterskippen op, yn de folkstaal “sylfêstingen” neamd en der waarden saneamde “definsive” diken opsmiten, ôfwetteringssleaten groeven, wêrûnder de yn 1507/08 groevene Blikfeart (**, en slúskes oanlein. Mar nettsjinsteande dat briek de simmerdyk withoefaak troch en ûnstienen der gatten, kolken of ek wol wielen neamd, efter de simmerdyk. Pas nei it ynpolderjen fan it Bilt ûnder it Saksysk bewâld is yn 1505 nei it saneamde “Keegenlân” it Biltske polderlân fan no ûntstien. De klaai út de letter hjir groeven klaaisleatten nei de Blikfeart ta en út it “ferdolde” lân waard, krekt as dat foarhinne ek barde mei de klaai út de groeven Blikfeart, brûkt foar de stien- en panne yndustry yn BERLTSUM en omkriten.
Fuotnoaten:
(* Frisiones AB INITIO Libertatis suae avidissimi etc. etc. Potestatum haberunt abbates consules judisque pagorum libere electi, capitanei et “grietmanni” etc. ..... ..... Magni momenti ibi erant organizationes ad erigendos et instaurandus aggeres et “aqueducta” ad PROTEGENDUM TERRAM à FLUCTIBUS, vulgo “Dijkvesten” et “zijlvestenijen”, in quibus ABBATINAE MAGNA HABUERUNT PARTEM etc. etc. It kleaster hat hjir dus sa’t der stiet: “OM IT LÂN TSJIN DE FLOEDEN TE BESKERMJEN IN GRUT PART (OANDIEL) yn hân”. (mei de kleasters Lidlum en Anjum)
(** De Blikfeart is letter ferbûn mei it eardere streamgat de Ouwe Rij(d) by Froubuorren en sa koe der ek by Âlde Biltsyl it wetter fan de Blikfeart loase wurde. Om deselde tiid hinne (1507/08) is ek de earste wetterwei fan Ljouwert fia Frjentsjer nei de havenstêd Harns groeven en fan Ljouwert nei Boalsert.
Ûnderlinge strideraasjes, Saksysk bewâld en Sintraal gesach.
Tusken de Fryske eallju wienen yn de 15e ieu de fjochterijen oan de oarder fan de dei. Net allinne ûnder inoar mar ek mei de kleasters. In pear foarbylden: Sa rekke Sasker fan Donia yn 1444 op in hilligen dei yn gefjocht mei Gerke Juwinga. Goslick Goslinga yn 1456 mei de muontsen fan Mariëngaarde. Syn neef (broer ‘s soan), de jonge Goslick sloech út wraak twa muontsen dea. Op Palmsnein 1462 waard Tjalling Synthiema fan Hallum troch syn doarpsgenoat Schelte Jayema te Marrum deaslein. Lieuwe Jeltema belegere it slot fan Romke Donia te Hallum – dit wie yn 1464 - en baarnde it plat. Donia flechtte yn de Hallumer toer, mar syn tsjinstanner stiek de toer yn ’e brân en Donia kaam yn de flammen om. Dit alles barde yn in ieu fan bloed en izer. Der kaam in ein oan de saneamde Fryske frijheid. Tsjin it bewâld fan Albrecht fan Saksen wie troch harren ek in protte wjerstân. Dizze Albrecht hat in protte dien om it lân tsjin it seewetter te beskermjen. Men koe him tankber wêze foar it ynpolderjen fan IT BILT (it Âld Bilt en it Mariën-gaarderlân of Muontsen Bilt. (1505 – 1508). De kleasters Mariëngaarde en ANJUM (by BERLTSUM) dy ’t al earder mei it ynpolderjen begûn wienen makken no ek oanspraak op it nije oanwûne lân (*. Dizze oanspraken kamen yn behanneling op in Lândei, mar dêr kaam men net ta in oplossing. De kleasterfâden fan Mariëngaarde lieten it der net by sitte en rjochten in fersyk oan Keizer Karel V. Se fregen de harren ûntnommen Biltlânnen werom en mei in geunstich resultaat: der waard harren 116 morgen lân meer tawezen. (It troch Frederik fan Hallum yn 1163 by de Hallumerhoeke stifte kleaster Mariëngaarde wie it earste Norbertiner kleaster yn Fryslân. Fan it kleaster rêst no noch allinne in grêft en in oantal kleastermoppen (stiennen) dy ’t by lânbouwurksumens nei boppen kamen. Op dit eardere kleasterterrein stiet no in buorkerij mei oan de Mariëngaarderwei in tinkstien.) Of ’t dit ek it Berltsumer Kleaster- Anjum slagge is koe ik net gewaar wurde. (efterhelje) Hoe ’t de Berltsumer tsjerke oan de Buorfinne kommen allikemin. Myn oerpake Hendrik Watses Posthumus (berne te en ôfkomstich fan Marrum Fr.) hat hjir oppasser yn de Buorfinne west. Yn 1925 waard betocht dat hy 25 jier “de wachter van de Bure- weide” west hie. Dit smyt him doe (yn 1925) sa ’n fl. 695,- yn ’t jier op. De tsjerkfâdij hie dêr ek in eigen bolle rinnen. Ik ha hjir noch in foto fan yn it famylje argyf, wêrop ‘t hy mei de finnebolle oan tou fotogravearre is. Hy wie swier astmatysk oanlein en dêrtroch tige beheind yn syn wurk.
Efteroan yn de Tsjerkefinne (de Buorfinne/de Bureweide) wie in grutte welle (boarne) wer ’t de bisten út drinke koenen. It wie glêshelder wetter wat tige suver liek. Somtiden koe men sjen hoe it wetter opwelle. Spitigernoch is de welle letter tichtsmiten mei fan alles en noch wat. Weinen fol, der kaam gjin ein oan. Yn 1883 is in ôfskiedingsleat groeven yn de efterste Buorfinne.
(* Fuotnoat:
Folle letter waard bepale (fêststeld) dat de Steat gehiel foar de kosten fan ‘e lânoanwinning opdraaie soe, wilens de baten part wurde soenen tusken de Steat en de oanlizzenden, de boeren dy ’t grûn besieten de diken belâns. De earste 300 meter fan it nije lân waard eigendom fan de oanlizzende eigner, boppedat krige hy de foarkeap op de folgjende 500 meter. Al it lân fierder dan 800 meter fanôf de dyk waard eigendom fan de Steat.
DE BERLTSUMER BUORFINNE
Yn it Register fan oanbring (1511) komt it Bilt net foar. Yn it Floreenregister fan 1700 komt de Buorfinne fan Bitgum foar as eigendom fan de “armen tot Beetgum”. De Buyreweide te BERLIKUM komt nei alle gedachten foar yn de rekken fan 1547 wêryn’t in Ane Scherier en in Rompke scroer foarkomme mei 24 moargen op it Bilt t. b. f. de “earmen fan BERLTSUM”. De jierren dêrfoar komme deselde persoanen foar sûnder it neamen fan “de earmen”. It sil, mei men oannimme, dat hja yn de kwaliteit fan tsjerkfâden (hja wienen hjir yn BERLTSUM ommers tagelyk ek earmfâden) foarkomme. Ek yn 1536 komme harren nammen ek foar, mar ûntbrekke lykwols yn 1531. De tsjerkfâden skine it lân as erfpachters krigen te hawwen yn de jierren tusken 1531 en 1536. Omdat yn it twadde kavel fan Sint Anne, grut 148 (of 147?) moargen, wêr’t dizze Buor-finne ta behearde, yn 1531 mar twa eigners (erfpachters) foarkomme t. w. in Gerrolt Hemmema mei 112 moargen en de Crusebroeders fan Frjentsjer mei 35 moargen, moat it lân wol fan dizze twa ôfkomstich wêze.
Rekken fan de rintmaster der Domeinen. Dizze binne yn it Ryksargyf te Ljouwert, mar der ûntbrekke de jierren 1531-1536, 1545-1546 en 1574-1629. It jild t. b. f. de earmen is ôfkomstich fan de ferkeap fan it kowegerskjen yn de Buorfinne. De earmen ûntfongen dan hieltiten “per koe-gras” 14 gûne by wize fan geskink en fierders net. Hja skine dus net folle oars dan “eigner yn namme” west te hawwen.
(De Friesche Kleihoeve troch dr. Obe Postma, sjoch de siden 123, 124)
De sechstjinde ieu is ek de tiid fan de Herfoarming.
It gesach fan de Roomske tsjerke wie gâns oanfretten. Yn elts doarp wienen minsken dy ’t harren eigen tinken oer it ien en oar hienen en fansels ek guon dy ’t it mei Kalvijn of Menno Simons hâlden. De minsken begûnen de jierlikse lêsten en de pachten net mear oan de tsjerke te betel-jen. Ek wienen der guon dy ’t lân fan de tsjerke begûnen ôf te pikken. Dêrom moast op befel fan Karel V. alle tsjerkebesit opskreaun wurde.
Bezittingen van de ROOMSCH - KATHOLIEKE parochie van BERLIKUM in den jare 1543.
De PATROON St. MICHIEL. (kerke–goed.)
47 pondematen (opbrengst:) 46 gulden Current.
2 pondematen 1 golden floreen.
8½ pondematen 168 stuivers.
2 pondematen 1 Goudgulden.
Renten 2 Goudguldens. 2 golden floreenen. 4 Hoorntjes guldens.
Renten van 44 pondematen 21 guldens Current. 1 pondemaat 20 stuivers.
Huissteden zamen 372 stuivers. (dit wienen der sa’n 25)
DE PASTORIE: -------------------
56 pondematen.
13½ pondemaat op ‘t Bildt 12½ Uterse guldens.
Renten 1 Goudgulden en 34 stuivers.
KAPELLAANSCHAP: ------------------
8 pondematen.
ONZE LIEVE VROUWE PREBENDE. HEER JOHANNES:
42 pondematen.
ST. JOHANNES BENEFICIE. HEER RENICK:
50½ pondematen.
KOSTERIE: --------------------
5 pondematen.
De totale opbringsten wiene foar de pastoar 130 goudgûnen, foar de fikaris 100 goudgûnen en foar de trije prebinden resp. 100, 101 en 50 goudgûnen.
(Prebinden tsjinnen allinne foar de memoarjetsjinsten en ûntwikkelden harren yn in protte gefallen allinken ta stúdzjelienen.)
IN OMGONG
Jierliks waard hjir yn BERLTSUM in plechtige omgong hâlden, wêryn’t in hosty troch mirakels ferneamd, omdroegen waard. In protte tsjerken yn de Fryske lannen hienen in St. Michaëls kapel op it Westen. Dat sil hjir wierskynlik ek sa west ha yn de eardere krústsjerke mei in kapellaan.
Uit de BENEFICIAAL-BOEKEN, opgemaakt op bevel van KAREL V. in den jare 1543/1544
Út in ekstrakt fan it Benificiaal boek fan WESTERGOO, oangeande it Corpora guod fan BERLTSUM, komme wy û. o. as lânbesitters, de nammen tsjin fan:
in Hillebrandt abbe, de jonc vrouw van Grombach, Keijmpe Donije (Donia), Feije Heemstra, it Sinte Maria Magdalena Leen toe BERLCKUM, de Patroen Sinte Michiel van BERLCKUM, de Pastorije van BERLCKUM, de Cappellaenscip toe BERLCKUM, Schelte Roorda, Ernst Hessels Sijbrandt Roorda, Sijbren Roorda, Rijnck Roorda, Jonckvrouw Sijts, het Convent van Aengium, het Maria Magdalena Beneficium, lân oan de Ljouwerterfeart mei as oanlizzer in Peter Laetsma (Latsma) *). Dit sil nei alle gedachten de eigner (of brûker?) west hawwe fan de (lettere?) tsjerkepleats “Longerhou” of (letter?) ek wol “Laetsma” neamd, tink ik. Taecke Aesma (Aesgema?), landt op Mijnaldum, naastligger Rijnck Roorda, heerschip toe Menaldum, mede over die Ballens (de Ljouwerterfeart rjochting Ritsumasyl), die Baghijnen toe Wiswert (by Ljouwert) as neistlizzend lân, in Feije Seevenster. etc. etc. Dan de lânnammen as: Andle Foppessoon geeft iaars te huijer van 4 pondemaeten leggende in die Maersman (Meseame), ............... geeft uit fenne lant groot 8 pondemaeten achter Pastoers huijs., ........ 3 pondematen saetlandts genoempt “die Lange Verret,” ......saetlandt genoempt “die Smalle fenne”, .....die “Joncklandt fennen” op het Bilt of ek wol as: gelegen in’t Joncklant ( it Jonglân), ........ Hette Hemmema as neistlizzer, ........ de “Lange weeren”,..... de coornfenne, ..... ses pondemaeten lant over die Zijlroede op die noorder zijde liggende te BERLCKUM, ..... lant van Feije Heemstra op ’t West gelegen, .... lant aan de olde Bildijck, ....lant Die cromme wal, (Kromwâl) .... lant oppe cleijngeest (Lytse geast) etc. ... etc. ... ................. en in Agge Aggis, berne likernôch om 1570 hinne en stoarn foar 1543 (*. Syn widdo ....... Nannesdochter is yn 1543 eigneresse fan grûn, lizzende neist ien fan de tsjerklike eigendommen beskreaun as: “Een huyssteedt daar t huyes op staet, Jan Duversters opt West, Lyuck Agges weduwe opt Oest, beyde den Abt van Lidlum landsaten. Bern fan dizze Agge en Lyuck binne wjerskynlik Agge Aggis en Wybe Aggis en dizze Wybe Aggis soe de heit wêze kinne fan Agge Wybes, wêrfan de neilittenskip yn 1629 op fersyk fan de erfgenanten ynventarisearre wurdt en dy ’t ek yn 1600, 1602 en 1626 neamd wurdt. Fierder komt hy foar yn 1591 as troud mei in Ief Foekedr. en yn 1597 as weinmakker yn BERLTSUM. (Om 1633 hinne wie hjir in Eme Emesz. Weinmakker yn BERLTSUM). De pake fan Age Martens Kuperus, de soan fan Marten Oenes fan BERLTSUM, stoarn ca 1748 te De Pein, op 30-4-1692 tr. m. Dieuwke Jentjes, wie Oege Ages en de oerpake Age Ages.
Fuotnoaten:
*) In soan fan Schelte Andla Latsma (Latzema) fan Seisbierrum? Der is in testamint fan Schelte Andla Latsma d. d. 21-12-1549 nûmere 206 opnommen yn Ibidem. In Gerrit Latzema pacht yn 1511 in buorkerij te Seisbierrum fan Schelto Andla Latzema. (Dêr is no ek noch ten Noarden fan Seisbierrum de monumintale buorkerij “Latsma State” sûnt 1920 trije generaasjes lang bewenne troch de sibbe Swart en noch in Latsmaleane.)
De sibbe Latsma wurdt pas yn it begjin fan de 16e ieu foar it earst neamd. Yn 1543 wurdt in Peter Laetsma hjir yn BERLTSUM neamd as eigner fan fêstguod by de Ljouwerterfeart en ek in Katharia Lattziema as eigneresse fan lân yn de Bonga Fennen hjir. Skelte Latzema wie yn 1576 de tiidgenoat fan Schelte Liauckema en it wienen deselde buorlju. It soe wêze kinne dat sawol de namme Latzema as de namme Liauckema him ûntwikkele hat út twa farianten fan ienselde namme. Schelte Liauckema komt om 1400 hinne ôfwikseljend foar ûnder de namme Latkema (wêr’t Latzema út ûntstien wêze moat) en Laeckema (wêr’t Liauckema dan wer út ûnstien wêze moat). Behalve dizze geografyske en linguististyske relaasje ûnderstypje de foarnammen en mooglik ek de wapens de hypotese dat de Latsma’s harren yn de 15de ieu op de ien of d’oare manier as in bastert of in jongere takke fan de Liauckema’s ôfsplitst hawwe. Boppedat ferkrige Schelte Latsma fan Epe Liauckema, lykas in nicht en 3 swagers fan Epe, in legaat fan ien gouden pinning. Tusken Latsma en Liauckema bestie yn de 16de ieu in soartgelike en sels noch hechtere relaasje dan tusken Adeelen en Liauckema.
(Sjoch hjirfoar: Zorgen voor zekerheid. Studie over Friese testamenten in de vijftiende en zestiende eeuw onder redaktie van J. A. Mol.)
(* Agge Aggis syn heit fan BERLTSUM is wierskynlik troud mei in Lyuck. Agge Aggis wie eigner fan in hûs en pleats steande yn BERLTSUM, brûker fan 3 pm earmenlân, fan in ½ pm. tsjerkelân en fruchtgebrûker fan 11 pm boulân. Syn feestapel bestie út “Thien peerden, zoo goede als quade, dochs slechts één koe met wat kleinvee”. Fierders hie hy op dit foar in lânbouwer wol hiel lyts bedriuw 3 weinen, 2 ploegen en 2 eiden. Nei alle gedachten is hy mear fuorman (leanwurker) west dan bouboer. Allinne de earste side fan de ynventaris is bewarre bleaun, dêrtroch ûntbrekke de opjeften fan foarderings en skulden. (D.(ouwe) J.(ans) van der Meer, Reduzum.) In neikommeling, t. w. Age Jentjes, skuonmakker/learloaier te De Pein, neamt him op 12-2-1812 Kuperus. (by it leerloaien waarden destiids ferskate kûpen brûkt.)
Ek in neikommeling fan in Jan Gysberts fan BERLTSUM, neamd yn de jierren 1601 - 1604, t. w. syn oerpakesizzer Arjen Kornelisz., kûper te Sint Nyk, nimt yn 1812 de namme Kuiper oan, mar syn broer Jan Kornelisz., kûper te Jiskenhuzen, yn itselde jier de namme Kuperus.
Noch eat oer de Berltsumer tsjerkepleats “Latsma” of ek wol neamd “Longerhou”. By Seisbierrum is ek in pleats Latsma (ek wol Laetsma neamd). Ik wit net of dizze (sibbe) namme ek wat te krijen hat mei de Berltsumer tsjerkepleats. Dêr wenne in Ymck van Dekema, ferstoarn op 13-1-1623, begroeven te Minnertsgea, hja wie de dochter fan Sicke van Dekema en Luts Sickesdr. fan Liauckema. Ymck wie troud mei in Schelte Douma van Oenema, ek wol Latsma neamd, de soan fan Ulcke Douwes Douma en in Jets Abbesdr. fan LATSMA.
KAREL V.
Yn 1541 hie Karel V. de Fryske gemeenten opdracht jûn om listen gear te stallen fan de grutte, grinzen en jierlikse opbringsten fan de patroans-, pastorije-, fikarije-, en probindebesittings fan alle Fryske parochys binnen it gebiet. Dy binne foar de measte stêden en gritenijen bewarre bleaun. Allinne Frjentsjerteradiel, Einjewier, Gaasterlân, Skoatterlân en ferskate doarpen ûntbrekke.
Op in houten TINKBOERD yn de Koepeltsjerke oan de lofterside fan it oargel stiet in primitive ôfbylding fan de âlde en de nije tsjerke.
ANNO 1320 HEEFT EELKE LIAUKEMA PASTOOR IN BERLIKUM / VOORMAALS TUITCUM D’ KIMNADA PASTORIEHUIS FUNDEERT / ENDE GEBOUT / ANNO 1345 IS DE KERK VAN BELKUM VAN OLDERDOM VERVALLEN / DOOR DE GEMEENTE WEDEROM VERBETERD TEN TIJDE VAN / HEER THEODORICO PASTOOR NAMAALS ABT TE LIDLUM / ANNO 1375 DEN KERCKE TOOREN VAN NIEUWS GEMAAKT / TEN TIJDE VAN HEER WYBRANDO PASTOOR / ANNO 1432 IS HET DAK VAN RIED MET TEGELEN (laaien of dakpannen) VERANDERT / ANNO 1632 IS DIT DAK WEDER OM VERMAAKT TEN TIJDE VAN TJOMME / HANSES ENDE FOLPERT BAARD BEIDE KERKVOOGDEN / ANNO 1744 IS DIT WEDEROM VERNIEUWT TEN TIJDE VAN BOTE (AEBES)/ VAN DER VEEN (mr. timmerman, berne yn 1705) EN THEUNIS MEETSMA (huisman) KERKVOOGDEN / DEESE KERK IS GEHEEL NIEUW GEBOUWD ANNO 1779 / ANNO 1910 IS DE KERK VERNIEUWD EN GEVERFD TEN TIJDE VAN W(YTSE) J(ACOBS) TUINENGA M(ARTEN) K(LASES) LAUTENBACH A(NNE) S(IKKES) LAUTENBACH KERKVOOGDEN / ANNO 1947 IS DE KERK GERESTAUREERD TEN TIJDE VAN J(ACOB) W(YTSES) TUINENGA N(ANNE) W(ILLEMS) OSINGA D(OUWE) S(JOERDS) RUNIA KERKVOOGDEN.
(Ek yn de rin fan de 19 ieuw hat der natuerlik ûnderhâld oan de tsjerk plak fûn. Boppeneamde Folpert Baard, sa blykt út in keapbrief tekene yn 1694, wie eigner fan Biltlân mei in dowetil (duifhuis) dy ’t hy doe ferkocht hat oan Duco van Hemmema. Út in noch âldere keapbrief fan 1629 wêryn dizze dowetil mei lân ferkocht waard, blyk in sekere Winnolt Eebbis hjirfan de eigner te wêzen.)
Yn 1456 fynt men oantekene: “In 1456 omtrent Allerheiligen door een zwaar onweder van donder en blixem, hoe dak en ’t muurwerk van den zeer dikken tooren, dewelke ten jaare 1355 opgemaackt was, geheel is afgesmeten” sa wurdt oerlevere.
Op in oar plak: In het jaar 1456 ......... Omtrent Allerheiligen van dit jaar ontstond er een zwaar onweder van donder en bliksem waardoor de groote dikke toorn te BERLIKUM in 1365 gebouwd, instortte, kort daarop verscheen er eene komeet, ook branden in dit jaar te Sneek 26 huizen af. Te Hallum geraakt de edelman Goslinga in geschil met den Abt van Mariëngaard over eenige landerijen. De Abt zond zijne leeken om de vruchten daarvan in te halen, waartegen zich Goslinga gewapender hand verzette; in het gevecht werd hem den arm aan stukken geslagen, aan welke hij kort daarna overleed. Hoewel nu nog voor zijnen dood het geschil bijgelegd was, sloeg echter Goslik , zijn neef, uit wraak over dien moord, eenige personen, aan het klooster behoorende, dood; hierdoor zouden groote onenigheden ontstaan zijn, wanneer door tusschen-spraak van de Abten van Bloemkamp en Klaarkamp, de zaak niet was bijgelegd geworden ......... ..........
Neffens in âlde “Friesche Cronyck wierdt alhier jaarlijks een plegtige omgang gehouden, waar eene geconsencreerde kostie, door miracelen vermaard, wierdt omgedragen”
Op ien fan de binnenmuorren fan de foarige tsjerke moat stien hawwe: “Liauckema heeft de pastorije in 1320 gebout”.
PASTOARS/ Fikarissen/ KAPELAANS en Prebindarissen fan BERLTSUM (TUITGUM en BERLIKUM.)
---------------------------------
1.) EELCO Liaukema, om 1320 hinne beroppen fan Seisbierrum. (Liaukema State) Letter yn 1325, nei de dea fan Pipo Sybranda, de XII de Abt wurden fan it KLEASTER - LIDLUM. Ûnder syn gesach is û. o. ek de tsjerke fan BERLTSUM, krekt as dy fan Spannum, Seisbierrem en Bitgum, ûnder it bewâld fan dit Kleaster kommen. Hy is op it Muontsehûs te Boksum wreed om it libben brocht op 24-3-1332 en yn de tsjerke fan Lidlum begroeven.
2.) GODEFRIDUS (Goerd) Andla út de sibbe Andla fan Rie, (stifter fan Andla State) wurdt dan oant 1336 pastoar te BERLIKUM. Hy wie derfoar de 15de Abt fan Lidlum en is stoarn yn 1347. It wie jammer foar him dat hy as Fetkeaper striid leverje moast mei bemiddele kleasterlingen fan Bloemkamp (Olderkleaster) en Ludingakerk, dy ’t holpen waarden troch de Skieringer eale mannen út Seisbierrum, Tado en Seerp van Adelen. De kronykskriuwer Sibrandus Leonis skriuwt terjocht: Wat is der leger en skandliker en minder passend by in monnik dy ’t allinne mar oan God wijd is, dan nei stjerlik fleis fan ‘e wrâld de wapens op te nimmen etc. ...... .......
3.) Dêrnei wurdt SIARDUS (II.) (Syard fan Winsum de eardere pastoar en deken fan Winsum)) oant 1351 pastoar fan BERLIKUM ek wol TUITGUM neamd. Hy is letter de 16de Abt fan Lidlum wurden en dêr ferstoarn yn 1352. (-- --) Om dizze tiid hinne gie hjir yn ús omkriten de pest rûn, dy ’t hjir oerwaaide út it gebiet fan Hamburg, Bremen fia Emden nei it Grinzerlân en Fryslân. Der foelen in protte slachtoffers, ek yn it Lidlumer kleaster. De skatting is dat der yn ‘e 14e ieu sa ’n 75 à 100 miljoen minsken oan ‘e pest stoarn binne. Dat wie mear dan de yn ‘e 6 ieu saneamde “pleach fan Justinianus”, neamd nei de East-Romeinske keizer Justinianus I. dy ’t doedestiids ek troch dizze sykte troffen waard mar der alhiel wer te boppe kaam. Doe stoaren der sa ’n 50 miljoen minsken oan.
(Ûnder lieding fan boppeneamde nammegenoat Abt Siardus I. (de fiifde abt fan 1194-1230 fan it kleaster MARIËNGAARDE) is de simmerdyk (op 1.60 + NAP) tusken it kleaster Mariëngaard (ûnder Hallum) en it kleaster Lidlum (ûnder Easterbierrum) troch de muontsen oanlein. Yn 1505 by it ynpolderjen fan it Bilt is de Ouwedyk (de Âlde Biltdyk) oer dizze simmerdyk hinne lein op 4.41 + NAP.) De 14 km lange dyk waard doe dan ek wol de Muontsendyk neamd. Ek de Blikfeart as ferbining tusken de Swette en de Holle Rijd om it Bilt te ûntwetterjen is troch de muontsen fan MARIËNGAARDE út Hallum groeven tusken 1200 en 1280.)
4.) Dan is THEODORICUS (Theodorik), pastoar (1338/7-1352) te TUITGUM, berne te Tsjummearum út treflike âlders. Foarhinne wie hy hoeder en opsjenner fan de gemeente te Seisbierrum west. Ûnder syn 15 jierrich bewâld hjir is de âlde ferfallen tsjerke fan TUITGUM ûnder de foet smiten en yn 1348 mei behelp fan ‘e ynwenners alhiel wer opboud. Hy is letter ek wer (de 17de) Abt wurden fan it Kleaster-Lidlum. Hy wie leaver yn BERLTSUM bleaun, sa is yn ‘e kroniken fan Sibrandus Leo te lêzen want hy stelde sielsoarch boppe de weardichheid fan prelaat, mar op oandringen fan syn amtsbuorren liet hy him it befêstgjen dêrta goedtinken. Hy is stoarn yn 1369. Hy wie in guodlik en sêftsinnich man en is troch de Grytmannen fan Barradiel en Baarderadiel as Abt kwealik behannele, en dy hawwe him in protte jild ôfknibbele. It gie oer saken as it rjochtsgebiet fan it Kleaster Lidlum. Hy waard ek bewûndere en priizge om syn geleardens en it ferklearjen fan ‘e Bibel, sawol yn Seisbierrum as ek yn BERLTSUM. Hy is stoarn yn 1369.
5.) Yn 1369 in WIBRANDUS (II.) (Wobbinga ), berne te Tsom út in aadlike sibbe fan kwize-kwânsje, as pastoar yn TUITGUM en BERLCKOMANAE, de lettere 18de Abt fan it Kleaster Lidlum as opfolger fan de 18de Abt Theodoricus (Theodorik) hjirfoar fermeld, (Hy moat troch iver en súnigens in protte jild opsparre te hawwen, de stins Amkema by BERLTSUM oankocht hawwe en de stins mei lannen oan dit kleaster brocht hawwe as úthôf. Sjoch by Amkema.) Hy liet hjir yn BERLTSUM yn 1375 tsjinoan de dêrfoar al yn 1345/48 boude nije krústsjerke fan ‘e grûn ôf in nije swiere toer opbouwe. (Mooglik deselde dy’t yn 1777 ôfbrutsen is) Hy foel op troch syn grutte geleardens. (Wibrandus Wobbinga ôfkomstich fan Wobbemastate te Weidum wurdt, wat my opfoel, NET neamd troch dûmny Petrus Nota as ien fan ‘e eardere pastoars fan BERLTSUM yn it oanhingsel oangeande de âldheden fan BERLTSUM. Nota hie de list mei in grut part fan ‘e nammen fan de Berltsumer pastoars trochkrigen fan de histoarikus H.W.E. berne Hear E. M. van Burmania.) (sjoch by folchnûmer 11.) Oant 1422 in pastoar Hesselius (Hessel). Om 1431 wurdt troch guon ek in in EUSTACHIUS HACKE neamd, sjoch hjirnei, in oare list.
6.) Yn 1456 kaam hjir in Hear HERE (Heere, Herre). En yn 1459 wurdt in sekere JACOBUS neamd en yn 1459 in HERMANUS WIER (hjir oant 1465?) Sjoch hjirnei, in oare list
7.) Nei him, om 1471 hinne oant om 1479 hinne, in Hear MYNNEN (Minne, Menno) (Her Mynna, Personna to Tuutghem) Dêrnei yn 1492 in sekere PETER, sjoch hjirnei, in oare list
8.) Yn 1491 in Hear TIAERD vicarius. Ûnder syn pastoarskip hjir is BERLTSUM, it KLEASTER- ANJUM en Minnertsgea tige plondere en binne de godshuzen slim ûnthillige en geastliken deaslein. De binden fan de Hartoch fan Saksen wienen op 24 maart 1497 út Boalsert wei nei BERLTSUM tein om it te plonderjen en rôven it hiele doarp. Fanút Hemmema state waarden inkelden fan dizze rôvers dea sketten. (de Swarte Heap)
9.) WIBRANDUS wie hjir fan 1495 oant 1517/ 1518 pastoar.
10.) FEDDO Poppinga is him yn 15 . . opfolge. (Frederik Hessels Foppinga, letter pastoar te Lekkum. Syn ropnamme wie Fedde en wie fan adel. Hy is stoarn en begroeven yn 1513 te Boksum.)
11.) HESSEL(I)US (fan Easterlittens *) is earst pastoar fan TUITGUM, letter fan BERLIKUM, wannear ’t TUITGUM mei BERLTSUM FERIENIGE is. Hessel gie, neidat hy yn 1422 yn it amt fan Abt ferkeazen wie nei Ljouwert om dêr fan fan Biskop Mathias, fikaris fan Útert, de wijing op de feestdei fan ‘e Hillige Apostel Andreas (30 nov.) yn ‘e tsjerke fan ‘e Dominicanen te ûntfangen. Hy wurdt dêrnei as 21 ste Abt fan Lidlum ferkeazen. Hy wie akademysk foarme. Hy is stoarn yn 1430 (sjoch by folchnûmer 5 as opfolger Eustachius Hacke.)
12.) Hy wurdt opfolge troch JOHANNES yn 1543. Prebindaris fan Ús Leave Frouwe.
13.) RENIK, wurdt yn it selde jier Prebindaris fan de St. Jehannes Benefisy. (dêrfoar ek in prebendaris Suffridi Sebastianus yn 1513)
14.) BAUCO Suffridi (Bauke Siverds (Sjoerd ‘s soan) is hjir fikaris yn 1589.
15.) SYBREN of Sibrand Leonis, ek wol Sibrandus Lieuwes of Sibrandus Leo (van Hempens) neamd wie hjir yn 1562 pastoar. De yn 1550 ta preester wije Sibrandus waard op Sint Gregoriusdei ûnderskieden mei it wite kleed. Hy wie de ûnechte soan fan de Ljouwerter skûtemakker Lieuwe en in annonime mem. Hy wie de stúdzjegenoat fan de bekende Fryske skiednisskriuwer Suffridus Petrus (1527 - 1597) en hy wie humanist. Sibrandus fûn in fêste basis as muonts yn de Abdij fan it Kleaster-Lidlum. Hy waard keazen ta pastoar fan Menaam (1557), letter fan BERLTSUM (1571) en dêrnei wer fan Menaam. (Dêr yn Menaam is noch in Sibrandus Leostrjitte.) BERLTSUM en Menaam wienen woltierige parochys wêroer’t de Abdij it Patronaat besiet. Hy is de (be)skriuwer fan de Kleasters Lidlum en Marijegaarde (Hallum). (Chronica Abbatum Lidlumensis et Orti Sancte Marie.) Sibrandus Leo wie om 1530 hinne yn Ljouwert berne. Hy is letter fanwege de reboelje nei it Grinzerlân flechte, wêr ’t hy om 1588 hinne stoarn is, sa wurdt der sein. Mar mei sekerheit is hjir omtrint neat oer bekend. Hy as Roomsk preester koe hy oant 1594 noch nei it Grinserlân flechtsje nei in proasdij Cusemer dêr fan syn oarder, omdat de Spanjoalen dêr langer de baas wienen dan yn Fryslân. Grinzer Protestanten flechten oant 1594 de grins oer nei de dêr feilige stêden Leer, Emden en omkriten. Sybrand Leonis hat de earste kaert fan Fryslân makke yn 1552. Wat opfâlt is dat Sybrand him net oan it selibaat holden hat, hy hie twa soannen en der wie net ien dy’t him, sa like it, dêr om bekroade.
(It gesach fan de Biskop wie bûtengewoan lyts, it libben fan preesters as trouden wie hjir frij normaal en waard yn it algemien troch de befolking oanfurde. It oanwizen fan pastoars op it plattelân lei sûnt 1539 foar in grut part yn hannen fan de (grut)grûn besittende parochianen.)
16.) In PETER, is hjir fikaris yn it jier 1565. (om 1566 wurdt hjir ek in pastoar SYBRANT neamd)
17.) Dêrnei is (de Ljouwerter) HENRICUS hjir pastoar om 1565 hinne (Hendricus Leovardiënses)
18.) Dan is hjir om deselde tiid hinne in sekere Johannes Doesburg (1536) en in WILLEM fan Nijmegen kapelaan. (1539) (sacellanus Wilhelmus Noviomagensis)
19.) Dêrnei tusken 1574-1575 is in GEERT Rinthes (of Rinkes) (GODEFRIDUS RENCKUM) hjir pastoar. Yn 1578 fakant.
20.) As lêste wurdt neamd YSBRAND fan Hurderwyk, de stêd wêr’t hy syn namme oan ûntliende. Hy wie út earlike âlders berne en yn it Kleaster - Lidlum oannommen. Troch syn ynnimlikens wûn hy it hert fan in protte kleasterbruorren. Om syn bespraaktheid (retoarika) waard hy troch de pastoar fan Menaam oannommen foar kapelaan. Letter is hy pastoar fan Spannum en fan BERLTSUM west. Hy kaam ûnder ynfloed fan de “nije leare” (fan Luther) en reizge nei Wittenberg. Hy is letter werom kommen yn Lidlum. Waard wer yn genede oannommen nei in koarte boetedwaning. Hy waard de 33ste Abt fan it Kleaster-Lidlum. Mar yn 1568 hat hy wer keazen foar de “nije leare”. Hy flechte yn 1568 nei Embden (East-Fryslân) it wykplak fan de Herfoarme (Grifformearde) flechtlingen. Hjir troud hy in frou, dy ‘t hy letter yn Frankfurt oan de pest ferlear. Hy reizget nei Keulen om “fan lucht te feroarjen”, mar ek dêr hearske de pest. Yn 1571 stoar hy dêr, 56 jier âld. Hy wie de op ien nei lêste Abt fan Lidlum, en mei him eindicht ek de list fan Roomske pastoars en geastliken dy ’t hjir, foar safier ’t wy witte, yn BERLTSUM tsjinne hawwe.
(Boarne: dûmny P. Nota.)
In oare list neamt ek as pastoars fan BERLTSUM in pastoar (* Hesselius (1422), in Eustachius Hacke as pastoar te ‘BERNICHEM’ yn het bisdom Útert (1431), in pastoar Jacobus te ‘BERNICHEM’ yn it bisdom Útert (1459), in Hermannus Wier (1459-1465?), in pastoar Peter (1492), in mr. Fredericus Foppinga ôfkomstich fan Dronryp, de soan fan Hessel Foppinga en Froucke Idsdr. van Eminga (1574-1575), in pastoar Jan Johannes (1533), in Johannes Doesborch (fan 1536 oant 1551), in Hendrik van Leeuwarden (1553-1555), yn 1560 fakant mei as waarnimmer de pastoar fan Seisbierrum Willem van Nijmegen, in Godefridus Renckum /Geart Rinckes (1574-75) en yn 1578 fakant.
(* It âldst yn Fryslân, him bekende oerwurk, wie de oereklok yn de Abdij fan it Kleaster Lidlum dy’t Abt Hesselius (1422-1431) der destiids oanbringe lied, aldus de âld-Ljouwerter notaris en û. o. ek klokkesamler Nanne Ottema. (Hy skonk ek oan BERLTSUM it earste oerwurk.)
As kapelaans wurde neamd: in sekere Evert (1511), in Willem van Nijmegen, kanunnik te Lidlum, letter pastoar te Seisbierrum, hy wie yn 1560 hjir waarnimmer te BERLTSUM.
Fan in fikarius is foar it earst sprake yn 1490. Yn 1508 kwitearje de pastoar, de fikarius Heijno en de prebindaat Tyaert foar de ûntfangst fan jild fanwegen de kompensaasjeregeling fan it foarhinne troch harren brûkte lân op it Bilt, no ynpoldere. De fikarius soe jierliks 5 Davids gûnen ûntfange, de prebindaat 21 Davids gûnen, hieltiten 1 Davids gûne de pûnsmiet.
Om 1559 hinne moat hjir yn BERLTSUM as prebendaris ek in Baucke Seuyrts west hawwe, sa’t út de Quaclappen (1527-1591) blykt.
*) fuotnoat:
Noch eat oer dizze HESSEL (Hesselius) fan Easterlittens dy ’t hjir oant 1422 pastoar wie te BERLTSUM, beskreaun yn de grutte rykdom befetsjende histoarje yn de Fryske histoarjegrafy fan de Praemonstraten kleasters “Mariëndal” (yn 1163 stifte) te Lidlum en “Mariëngaarde” (yn 1182 stifte ûnder Hallum) troch Sibrandus Leo de eardere pastoar fan BERLTSUM en letter fan Menaam. Hy stiet net yn goede folchoarder! Hy as folchnûmer 10 moat, as ik it goed ha, tusken de eardere Berltsumer pastoars de folchnûmers 4 en 5 yn stean, tink ik.
Foar de aerdichheid in stikje yn it (lit ik mar sizze humanistyske) Latyn dêrút oer de wize fan beskriuwing oer it libben fan Hessel en de loovjende wurden oer wat hy al net dien hat foar de tsjerke fan BERLTSUM.
It giet as folget:
“In pago Aesterletens natus Lidlum intrans scolam frequentat, literis summopere proficiens suos coetaneos facile superat. Harrum indies maiori captus dulcedine. Sumpta hereditate academiam invisit maiore literature gatia. Virtuti studens et pietati, ecclesie ut verus pastor praeficitur BERLKOMANAE, hanc ut sponsam suspiciens quantum in ipso fuit restaurat industria. Turrum moto tecto arundineo, imbricibus tegit, anteriorem sacre aedis partem fenestris exornat vitreis ceteris eminentoribus, totemque templum novo sternit pavimento. Pastoris domum primariam eodem tecto lapideo exornat, agros et redditus amplificare graviter studet. Rediens se suaque omnia zelo plenus divio religioni dedicat masticae”.
Ik sil besykje sa goed en sa kwea as it kin dit (wat frij) yn it Frysk oer te setten.
“Hessel dy ’t yn it doarp Easterlittens berne waard, is letter nei it Kleaster Lidlum gien wêr ’t hy de skoalle besocht hat en him dêr sa troch syn studzje ûnderskieden hat, dat hy sûnder muoite guon fan syn jiergenoaten te boppe gie. Dei oan dei waard hy grepen yn ’e swietens dêrfan, en nei in erfenis krigen te hawwen gie hy nei de academy om him fierder ta te lizzen op ‘e wittenskip. Doe’t hy werom kaam wije hy himsels en alles wat hy besiet fol godlike iver ta oan it kleasterlibben. Hy beoefene de deugd en de frommens en waard as in wiere hoeder oansteld oer de tsjerke fan BERLTSUM; hy achtte har as syn breid en holp de tsjerke op mei alle iver wêr ’t hy oer beskikte. Hy liet fan ’e Berltsumer toer it reiten tek fuorthelje en liet der ien fan fan (rûne) pannen oplizze; yn it foarste diel fan it hillichdom liet hy NIJE GLÊZEN RÚTEN pleatse, folle moaier dan alle oare rúten; it tek fan ’e tsjerke liet hy mei deselde rûne dakpannen bedekke. De moaie yn 1320 troch de earwaarde Heer Eelco Liauckama boude pastorije waard ek troch him fernijd mei in nij tek en hy die syn úterste bêst om de pastorijelannen út te wreidzjen en de opbringsten dêrfan te fergrutsjen.”
(W. H. P.)
Doe ’t ik noch mar krekt op de legere skoalle siet hat dûmny Romke Bijl op in gemeentejûn hjir yn de grutte konsistoarje, no it Herfoarmd Sintrum, dêr ek ris in lêzing oer holden. It ienige wat my no noch as boike goed bystiet fan wat myn heit dêroer fertelde wie, dat hy dêr û. o. ferteld hie, dat de foarige krústsjerke NIJE RÚTEN krige hie en dat der hjir doe yn ús omkriten ek al glês brûkt waard. Dûmny Byl hie dizze lêzing dêrfoar hjir ek al ris holden yn 1952 foar de Kristlike Krite BERLTSUM “Gysbert Japiks”.
(W. H. P.)
WYBE ABBESZ. RIEMMERSMA (REMMERSMA)
Op 21-4-1539 verklaren de Staten (fan Fryslân) dat twee zoons van Abbe Riemersma drie beneficiën bezitten, nl. te BERLIKUM, Midlum en Wons en op gene daarvan resideren etc. ..... Op 20-1-1540 treedt op voor gecommiteerde raden van de keizer Seerp Pabbesz., namens het merendeel van de gemeente (Wûns), tegen Tzaling Abbes voor zijn broer Wybe, voorzien met de vicarie cum cara alhier die echter geen priester is. Tzaling stelt dat Wybe door het merendeel der gemeente gekozen is. Uitgesproken wordt dat er een nieuwe vicarus moet worden gekozen.
(Wybe Abbesz. waard op 19-5-1542 te Leuven ynskreaun as studint. Tzalling Riemersma wie prebendaris te BERLTSUM en hy wie fan adel, neamd yn 1539/1540)
HILLIGE HICHTEN
Op ien fan de reizen yn Itaalje mei de bern, waard ús troch in gids ferteld dat in protte Roomske tsjerken dêr boud binne op plakken (of op fundaminten) dêrt eardere heidenske hilligdommen stienen. Ús foarâlden hjir yn (it destiids grutte) Fryslân bouden ek in protte fan harren tsjerken op plakken dy ’t hja as hillich ûnderfûnen, as hillige boarnen en hillige ikebeammen. De hichte (terp) wêr’t no de Berltsumer Koepeltsjerke op stiet liket net it begjin fan in doarp west te hawwen. It is folle oannimliker dat de terp wêrop it stedsje (doarpke) Útgong boud is, as wengebiet begûn is mei ien of mear buorkerijen. De lintbebouwing op de langhalige (wetterkearjende) wâl (no de Buorren, en earder de Foarstrjitte neamd) oer de Grúsert hinne yn westlike rjochting nei de tsjerketerp ta as “in twadde doarp” is folle letter op gong kommen.
Op de noard-westkant, by de oergong nei it yn 2000 oanleine nije stik fan it tsjerkhôf, binne oan it paad dêr by it roaien fan ‘e beammen fundaminten tefoarskyn kommen fan eardere bebouwing. Dit moatte nei alle gedachten de fundaminten fan in hjir earder stien hawwende skoalle mei de masterswente west hawwe. De namme “it skoalmastershôf” dêr (no it noard-westlik part útmeitsjend fan it “nije stik” fan it tsjerkhôf) tsjut dêr ek op. Yn it âldste tsjerkfâdijboek wurde der de yn 1760 trije doe al “âlde” wenten steande op it tsjerkhôf neamd dy ’t ferhierd waarden. It kin dus wêze dat dizze skoalle dan boud is nei de yn 1617 ôfbrutsene âlde skoalle, en letter ek noch as trije wenhûzen bewenne wurden is. Mei it opheegjen fan it tsjerkhôf yn 2000 binne dy âlde fundaminten no noch djipper ûnder de grûn komme te lizzen. Der is doe gjin roftberens oanjûn. De tsjerkfâden fan doe (allegearre net sa yn ’e histoarje ynteressearre) woenen der gjin âldheidkundigen by hawwe omdat hja bang wienen dat hjirtroch mei it opheegjen fan it tsjerkhôf wolris opûnthâld ûntstean koe.
BESTJOER FAN DE SAKSYSKE HARTOGEN OER FRYSLÂN.
Nammelist fan de Saksyske lânhear oer Fryslân en harren fertjintwurdigers yn Fryslân foar 1580 (fersy 17-6-2011) Hjiryn wurde ek wer in pear geastliken û. o. út BERLTSUM en WIER neamd. It giet hjir oer de saneamde Biltrinten.
Heer JAN *), presbiter en pastoor te BARLICUM (BERLICUM) verklaart ontvangen te hebben van Gerit van Loo, rentmeester-generaal des Keizers in Vrieslant, de somma van 16-4 pond van 40 grooten, zijnde 1 jaar rente uit de Biltlanden, verschenen Jacobi 1532, 1533. N. B. met de handtekening van de oorkonder.
*) Fuotnoat:
Deselde as de hjir earder neamde Johannes (> Jan) yn 1543 as prebendaris fan Ús Leave Frouwe te BERLTSUM?)
Heer EPO GERBRANDI, prebendarius te BERLICUM, verklaart ontvangen te hebben van Mr. Gerit van Loo, rentmeester-generaal van Vrieslant, de somma van 6 pond van 40 grooten uit ‘s Keizers Biltlanden, verschenen Jacobi (15)45, 1546 N. B. met handtekening van de oorkonder.
Heer JOHANNES, pastoor te WIER, verklaart ontvangen te hebben van Gerit van Loo, rentmeester-generaal des Keizers in Vrieslant, de somma van 31-10 pond van 40 grooten, zijnde ½ jaar rente uit de Biltlanden, verschenen Jacobi l. l. 1533. N. B. met handtekening van de oorkonder.
Kwitantie van FREDERIK, pastoor te WIER, HILBRANDUS, pastoor te BERLIKUM, HEINO, vicarus te BERLIKUM, Sextus, pastoor te Beetgum, ULBE, prebendaris te WIER en TYEERT (* preben daris te BERLIKUM, voor Jan Rataller, ten bedrage van 67 gulden 4 stuivers voor ontvangst van een Utrechtse goudgulden voor elke pondemaat die zij op het Bildt hebben. (1509)
(* Fuotnoat:
Deselde hjir earder neamde Hear Tjaerd út 1491 as Vicarius en pastoar te BERLTSUM? )
YNKOMMEN STIKKEN: Rekest van de Volmachten van Engelum, Beetgum, BERLIKUM en WIER aan de Stadhouder, President en Raden van Friesland, houdende het verzoek om door een deurwaarder van het Hof bij omroep het laten lopen van vee langs de dijken en openbare wegen te doen verbieden (1561)
(Somlike boeren lieten de bisten somtiden oeral mar frij rûnrinne. De bisten feroarsaken in protte oerlêst foar de omkriten en men woe hjirfan befrijd wurde. W. H. P.)
( -- -- ) WYBRANDUS WOBBINGA
Hjir moat yn BERLTSUM (as ik it goed ha) ek noch in Wybrandus Wobbinga tsjinne hawwe as pastoar en hy moat dêrfoar sjinne ha as pastoar te Boksum. (BERLTSUM?) Hy is letter (1369 -1385) Abt (Wibrandus II. ) wurden fan it Kleaster - Lidlum. Syn ferset tsjin it preekjen en oproppen hjir yn Fryslân troch in sekere Boudwijn ta in Krústocht tsjin Albrecht fan Beijeren fan it Greefskip Hollân waard him net yn tank ôfnommen troch Arnold fan Hoorn, de Biskop fan Útert. Hy waard letter by Vollenhove ferriedlik finzen nommen en Lidlum betelle 2000 gouden kroanen om him werom te krijen. It gie om in nij groeven feart tusken de stêd Útert nei de Lek ta, wêryn houten slúzen oanbrocht waarden. Dit waard dien ûnder dekking fan in sterke stins “hetwelk alzoo het op kosten van de Utrechsche gilden gebouwd was, Gildenburg genoemd werd. Zeer (tegen de zin van) liep dit slot de Heer van Vianen en de kooplieden van Dordrecht in het oog. Deze meenden, dat hetzelve ten hunner nadele gemaakt was, vielen daarover Hertog Albrecht klagtig en deden hem hetzelve als eenen inbreuk op het Hollandsche grondgebied aanmerken”. Der waarden gesanten nei Hollân stjoerd mar sûnder resultaat. Men koe net ta oerienstimming komme en de trije Steaten fan Útert namen it beslút om Hollân de oarloch te ferklearjen. Fan dêr. Wobbinga wied berne yn Weidum, hy wie ek noch Proast (* yn “Vinea Domini” te Penjum west. Hy krige as Abt fan Lidlum skeel mei de Biskop fan Útert oangeande de grinspeallen fan syn geastlik rjochtsgebiet nei oanlieding fan it beneamen fan Heer Jan, pastoar te Menaam, ta Proast yn ‘e Proasdij ‘s Heeren Wijngaard op het zand (Vinea Domini) te Penjum, mar dit mieningsferskil waard troch de Paus bylein. Hjirfoar moast Wybrandus Wobbinga in reis ûndernimme nei Rome ta, welke reis it Kleaster Lidlum grutte sommen jild kostte hat. Yn syn abtsperioade gie hjir de pest (of ek wol de “swarte dea” neamd) rûn dy ’t in protte slachtoffers ferge en him mei in protte kleasterlingen de dea ynslepe hat.
Fuotnoat:
(* Proast < prepositus = oerste fan in tsjerke.)
FRANS UBLES.
Ek moat hjir yn 1552 te BERLTSUM in Frans Ubles prebendaris west hawwe, yn 1555 wurdt hy kapelaan op Camminghabuorren te Ljouwert en fan 1556 oant 1572 komt hy foar as pastoar te Wjelsryp; yn 1574 wurdt “hy gewesene pastoar aldaar” neamd.
FÛNE ÂLDE GRÊFSTIENNEN.
By it eardere Kleaster Lidlum binne gêfstiennen fûn fan û. o. in Ysbrand, stoarn yn 1541, pastoar te Seisbierrum; Cornelis, stoarn om 1525 hinne, pastoar te Tsjummearum; fan in Henricus, Boudewijn en in Haaie, allegearre geastliken; fan in JOHANNES, pastoar te Spannum om 1540 hinne, te BERLTSUM oant 1541 ta en te Winsum; fan in Nicolaas, Cornelis, Thomas, Johannes, Petrus, en in Albert allegearre geastliken en fan in Jasper, kapelaan te Menaam.
Boarne: De Premonstratenzer (Norbertiner) abdij Lidlum en de sielesoarch yn Noardlik Westergoa. De stiennen wurde bewarre yn it Frysk Museum en/of it Hannemahûs.
“AMKEMA”.
Yn of om BERLTSUM hinne moat ek in stins “Amkema” stien hawwe. Dizze is wierskynlik yn de 13e of 14e ieu boud en al yn de Midsieuwen ôfbrutsen. Troch oerlevering witte wy dat de stins tusken 1369 en 1384 oankocht is troch de Abt fan it Kleaster - Lidlum Wibrandus II. (Wybrandus Wobbinga ) dy it letter skonken hat oan it Kleaster - Lidlum. It waard sa in Úthôf fan Kleaster - Lidlum. Wibrandus II. wie foarhinne pastoar yn BERLTSUM west. De konversen dy ’t op dizze Úthôf wennen hienen sa ’t it liket de kant fan de Fetkeapers keazen, want yn 1389 wurdt de stins troch de Skieringer Sicke Sjaerdema fan Frjentsjer mei de grûn gelyk makke, dit út wraak, omdat hy yn swier waar kaam mei de Abt Tetardus (Tiaard) fan it Kleaster Lidlum. Dizze hie op it Lidlumer Úthôf of Bûtenpleats ûnder Tsjom in tige sterk slot of kastiel bouwe litten as tsjinwar tsjin sawol de Skieringers as de Fetkeapers. Dit wie tige tsjin it sin fan Sicke Sjaerdema omdat hy gjin stinzen deun by Frjentsjer duldzje koe. Hy ferneatige út wraak it Kleaster Lidlum en der waard húsholden op de Úthoven fan dit Kleaster te Koehoal, Walinga, Wobbinga te Weidum, dat te Midlum, Franjum te Marsum, dat te Baaium en it boppeneamde Amkema. Wêr ’t de stins Amkema by BERLTSUM stien hat is net bekend.
It Kleaster Lidlum hie in protte besittings (úthoven) û. o. lizzende (it alde kleaster Miedum, nei de oerstreaming yn 1289 ferneatige en letter as úthôf) ûnder Tsjom, by Koehoal, Wobbinga te Weidum, Walinga, Amkema te BERLTSUM, de Kapel fan Franjum by Marsum, etc. etc. (it âlde Mariëndal oan de Kapellewei by Koehoal waard letter in agrarysk úthôf en krige de namme “Hillige Ursula en gesellinnen”, etc. ...... ......
L. C. 20-4-1882.
Eelco of Ethelocus de XIIe Abt van het vermaarde KLOOSTER - LIDLUM, was gesproten uit het adelijk geslacht der Liauckama ’s, en dus van Friesche afkomst. Hij was eerst priester van Beetgum en BERLIKUM, en werd na den dood van Pipo Sibranda, om zijne deugden, tot Abt van Lidlum gekozen. Hij heeft de kerken van BERLIKUM (sûnt 1328/32) Beetgum, Sexbierum en Spannum onder het beheer van zijn Klooster gebragt. Men getuigt van hem, dat hij minzaam in het vermanen was, maar dat hem de woorden bij het bestraffen vaak te scherp en te vinnig afgingen, waartoe hij zich niet bij uitstek bemind maakte. Eenigen zijner onderhorige monniken, die op een uithoek (it úthôf “Ter Poarte” by Boksum) van het Klooster woonden, vierden hunne lusten den vrijen teugel. (Ûnder oaren sûpen en iten hja fleis op de hillige fêsteltiden. Eelco wie in yn harren eagen in neargeastich man.) Eelco ging hen eens, volgens gewoonte, bezoeken, om hen door heilzame vermaningen, indien het mogelijk ware, tot inkeer te brengen. De monniken, die het al lang op zijn leven gemunt hadden, onthaalden hem wel, doch trachtten hem door zware wijnen dronken te maken; maar hij, een afschuw van dronkenschap hebbende, stelde hunne verwachtingen teleur en zocht vroegtijdig zijn slaapkamer op. De eerloze monniken hielden daarop raad hoe zij hem zouden ombrengen, en gingen met dat boze opzet naar zijn kamer. Daar gekomen zijnde, bragten zij den weerloze in hunne woede met een knods zulk een geweldadigen slag op het hoofd toe, dat de hersens er uit sprongen. Maar deze gruwelijken moord bleef niet verborgen: de moordenaars werden met list gevat, aan staken gebonden en levend verbrand.
Dit geschiedde in 1322
(om krekt te wêzen, op 22- 3 -1322)
NOCH IN LEGINDE OER ABT EELCO LIAUCKEMA
Hij was een godvreezende stille man die het liefst alleen in zijn cel de werken van de heiligen zou willen bestudeeren of peinzen over de heerlijkheid van den hemel. Maar de ruwe en tuchtlooze monniken van Lidlum dwongen hem om mee te doen aan een van hun slemppartijen. En daar de oude Abt een vredelievend man was, schikte hij zich onder die bandelooze gezellen en at en dronk mee: maar borg de overdaad behendig, en naar hij meende, ongezien in de wijde mouwen van zijn monnikspij. Toch bemerkten de broeders deze, in hun oogen kinderachtige handelswijze en daar zij hem graag tot spot van ieder wilden maken, eischten zij, dat de vrome man zou staan en zijn pij uitschudden. Beschaamd en verlegen boog de Abt het hoofd in zijn armen en ging bevende staan. Maar God liet een wonder gebeuren: er rolden enkel rozen en welriekende bloemen op den vloer. Dit bracht de monniken tot razernij en zonder zich om het Godsteken te bekommeren, sloegen zij den Abt als een toovenaar dood. (Nei oanlieding fan dizze leginde is in skilderij makke fan Eelco Liauckema mei as byskrift: D Eelko de Liauckema Nob Friso Abbas Lidlumensis et martyr morte 1332. De roazen komme út de rjochter mouwe fan syn pij te foarskyn. In ôfbylding fan dit skilderij stiet yn it boek: Skiednis fan Menameradiel op side 27.
(Trouwens yn 1453 moat it ek yn it memmekleaster Lidlum somtiden rûch tagien wêze. De muontsen dêr moatte yn de pastorije fan Easterbierrum de mei de namme Tjalling neamde koster ris deaslein hawwe.)
SIBRANDUS LEO pastoar te BERLTSUM.
Sibrandus Leo, berne yn 1527/1528 te Ljouwert as ûnechte soan fan in sekere Leo, skútemakker te Ljouwert en in net bekende mem, is yn 1550 pastoar te MENAAM. Yn 1562 is hy pastoar yn BERLTSUM. Doe ’t hy yn BERLTSUM tahâlde hat hy inkelde sivile prosessen fierd foar it Hôf fan Fryslân, dat him 21 oktober 1566 feroardiele oan de easker 49 goudgûnen 4 stoeren, 21 g. g. 14 st en 8 g. g. 3 st. te beteljen (R. A. Ljouwerter Hôf fan Fryslân.) Op 3 maaie 1567 ta it beteljen fan 3½ g. gounen fan 28 stoeren per stik en yn de onkosten. (R. A. Ljouwert Hôf fan Fryslân.) Op 18 februaris 1576 om “in de griffie van voers. have te leveren ofte die estimatie vandien te namptiseeren een quartien ende seven lopen garst, vier lopen haver ende een kintien botter; ten seven halven gouden gls stuck doende XXVIII stuvers mit noch een halven lopen garst”. (Quaclap R. A. Ljouwert). Omreden Sibrandus Leo yn de Rintmastersrekkens fan 1562 (R. A. Ljouwert) foarkomt as pastoar te BERLTSUM hat de mutaasje yn dizze tiid plak fûn. BERLTSUM wie mear noch as Menaam in begearlik kerspel fanwegen de oansjenlike ynkomsten fan it pastoaraat. Mar ek hjir ûntbrieken net de “de lusten neist de lêsten”. Mear as ienkear rekke Sibrandus yn in proses oer sivile oangelegenheden. It oantreklike fan BERLTSUM bestie foar him net it minst yn de sibbe Hemmema, waans stins in sintra wie fan geastesbeskaving. It gesinshaad, Hette Hemmema, hie gjin kosten sparre om syn soannen in goede oplieding te jaan. Sikke, in learling fan Gemma Frisias, bestride yn syn wurk “De astrologiae ratione et experiëntia refutata liber” it folksbyleauwen, dat de stjerren it lot fan de minsken bepaalde, en liede as it ware Balthasar Bekkers “De Betooverde Wereld” yn. Hy wijdt dêr blêdsiden yn oan syn broer Doeke, dy ’t de djippe libbensearnst skine lit en de humanistyske idealen. Rienck is de skriuwer fan in “Memoarjaal”, dat as in boarne foar de kennis fan de Fryske buorkerij tige wichtich is en de tekenjende bysûnderheid bewarret fan Doeke ’s siikbêd, dat hy in protte dingen rampen oangeande foarsei dy ’t Fryslân treffe soenen, en fan syn stjerbêd, doe ’t hy de Psalm song: “O Here, U wil ik altijt prijsen, dat ghij mijn ontfanger sijt.” Yn dizze rûnte beoefene men ferskate wittenskippen, mei de universele sin, dy ’t it Humanisme eigen wie. De heit wie in goede kenner fan’e histoarje. Doeke stelde in wrâldkaart gear, Sikke in kaart fan East-Fryslân. Yn Rienck ’s Memoarjaal fynt men in post foar it oerskriuwen fan in kanonyk, wat in net ûnbelangrike som kostte. Fierder die men oan teology, geometry en optika. Dit miljeu sterke Sibrandus’ sin foar stúdzy en makke de jierren fan BERLTSUM ta de rykste perioade fan syn libben. Hjir hat hy syn samling fan histoaryske oantekenings útwreide en der oaren mei tsjinne. Yn 1571 frege Suffridus Petri him, om him boustoffen te stjoeren foar de Fryske skiednis, dy ’t hy yn bewurking hie. Hjirop folge in besyk, dat grif ferbân hold mei de de Fryske skiednisskriuwing. Ek te BERLTSUM ûnfong hy as man fan fertrouwen de opdracht fan de Abt om yn it belang fan Lidlum in reis te ûndernimmen nei Steinfeld. Yn 1572 moast hy de Abten fan Mariëndal en Dokkum fertsjintwurdigje op in nasjonaal kapittel, dat te Leuven hâlden waard. Hjir ferskine yn syn libben ek de frou, de konkubine, mei wa ’t hy in ferbining oangie, dy ’t de tsjerke as net wettich erkende en de oarderrigel útdruklik ferbea, mar dy ’t him noch net ta in ôffallige preester makke. Hja skonk him yn dit 5 jierrich konkubinaat twa soannen t. w. Leo (berne te BERLTSUM) en Johannes Leo, dy te BERLTSUM berne waard, kenne wy as kopiist fan ferskate skiedniswurken en as tekenaar foar in manuskript fan ’e Fryske lannen. De twadde as notaris publikus te Frjentsjer. Johannes hie him op 4-5-1591 ynskriuwe litten te Frjentsjer as studint yn ‘letteren en wysbegearte. Nei Sibrandus Leo syn weromkommen út Leuven yn 1572 is hy letter wer yn Menaam te finen as pastoar. Yn Menaam is in strjitte nei him ferneamd, de Leo Sibrandusstrjitte.
L. C. 3-12-1932.
Wybrandus Wobbinga (1369 - 1385) voorheen pastoor te BOXUM en te BERLIKUM.
(Fryslân hie om 1521 hinne, sa wurdt oannommen (!), in 75.000 ynwenners, mear as 2000 geastliken en sa ‘n 50 kleaster ynstellings en wie der, foar dy tiid, tige ryklik yn fersjoen. )
IT EARDERE KLEASTERGUOD
REKKEN OER IT BOEKJIER 1616/1607 fan de ûntfanger-generaal fan de kleaster ynkomsten yn Fryslân, Joannes Henrici Rhala.
(It kleasterguod wie yn 1580 troch de Steaten fan Fryslân oan harrensels ta eigene en fan de ynkomsten waarden letter de Frjensterter universiteit, de dûmnys en oare opliedings, de pensjoenen fan eardere kleasterbewenners, it ûnderhâld fan de gebouwen betelle. etc. ...... ......)
Cloosteropcomsten in Friesland anno 1607 ûnder oare dy fan:
BERLCUM
Smalgenee: (Kleaster Smalle Ee - fan Aengium) Inte Heeres (* kleastermeier te BERLTSUM) 27 pond voor 30-0-0
Aengium: û. o. Cornelis Arissen 25 pond Aengiumlandt etc. voor 58-9-0; Jan SCHELLINGWOU 3 ½ pond, vrij van huisinge à 42 st. 7-7-0; Laurens Bartouts op ASINGA 74 pond à 35 st. 129-10-0; Jelte Jeltes wed. op MAERSMA (MARSMA) 31 pond voor 16 g. g. 22-8-0; Oedts Oetsz. op de andere helft van MAERSMA Sate, groot 28 pond voor 16 g. g. 22-8-0; Auck Nannes Gerrolts wed. ende erfgen. van voorz. Nanne vant corpus 124 pond in 32 st. 198-8-0; (op de HONDERT))
etc. ...... etc. .......
(* Fuotnoat:
Pachtboeren (kleastermeiers) dienen kwa wolstân en sosjale status net ûnder foar de rykste eigenierde boeren en genoaten sawol it aktive as passive stimrjocht. Hoewol it offisjeel net tastien wie, hienen bygelyks yn 1604 ten minste twa kleastermeiers sit op de Lândei t. w. Pieter Claesz (Skearnegoutum) en Inte Heeres (BERLTSUM) en yn 1607 fjouwer.
WIER
Aengium Clooster: û. o. Folckert Eartius loco Bints Rommerts 27 pond genaemd DE WINCKEL daeronder vant corpus 10 pond in 1 ½ g. g. 56-14-0; Dirk Alberts toe MONCKEHUIS 30 pond à 2 pond 60-0-0; Andries Hiddema 7 pond saedlandt à 2 pond 14-0-0
etc. ....... .......
It fierdere kleasterguod fan it Berltsumer kleaster AENGIUM CLOOSTER:
BETEGUM: Hotze Wybrandts op Groot Aelzert 83 pond.; MENALDUM: Tyaardt Sipckes op Fellingwirt 81 pond. en Sybrandt Jans op Cleen Fellingwirdt 81 pond binne beide it eigendom fan it Monickebayum. AENGIUM CLOOSTER: Jorrydt Jetties op Westerwird 124 pond.; ENGLUM: Heyn Jansz. op Clein Aelzert 53 pondematen.; SLAPPETERP: Cornelis Pieters opter Coot 77 ½ pond.;Schelte Reinders 78 pond.; Wilcke Bauckes 19 pond.; Geert Cornelis Pieters wed. 66 pond.; Sicke Rienx toe Meer 110 pond.; Jildert Jetties ca 56 pond.; SCHINGEN: Isbrandt Dircx 4pond.; MINNERTSGA: Folckert Heyns 7 pond saedlandt Rollingawier; FRANIKER UUTBUIREN: Jacob Gerryts wed. Op Inhem 103 ½ pond; RIEDT: Folpert Doytzes 88 pond; Lyuwe Wybes oppe Spijcker 50 pond.; Reyner Jansz. toe Wester Aengium 99 pond.; Dirck Pieters 25 pond. ende ‘t Reydmeer.; CUBAERT: Jacob Harckesz. Opper Hans 107 pond.; Aengium Clooster Jelle Saeckes 5 koegras 7 ackers bouwlandt en fierders noch wat los lân hjir en der.
L. C. 15-8-1987
Een Norbertijner pater uit HEMPENS.
(Oer Sibrandus Leo.)
L. C. 20-4-1974.
Interessante Friese zaken op oude kaarten van GRONINGERLAND.
(Sibrandus Leo.)
L.C. 28-4-1881.
Bijzonderheden van verschillenden aard der dorpen in MENALDUMADEEL.
Als edele staten telde BERLIKUM weleer voornamelijk de sterkten Eijsinga, Adelen, van Sexbierum afkomstig, en Hemmema. Dien laatstgenoemde State was bij hare vernietiging het eigendom van het grafelijk geslacht Aumale. In 1496 hield op Hemmema State verblijf, Doeke Hettes Hemmema, een aanhanger der Schieringers. De Groningers, door de Verkopers en Saksisch gezinden in het land geroepen, belegerden in gemeld jaar de State, waarin Alef Hemmema met een handvol soldaten, benevens Bauk, de echtgenote van zijn broeder Doeke, die zich in Franeker ophield, zich bevonden. De sterkte van het Slot, de zware aarden wallen en de moed der belegerden, waaronder ook Bauk, hoewel in gezegenden staat, uitmuntte, waren oorzaak, dat de belegeraars onverrigter zake moesten aftrekken, met het voornemen, de poging in verdubbelde mate te herhalen. Deze tweede aanval had spoedig na de eerste plaats. De Groningers vulden, om nader bij het slot te komen, de wijde en diepe gracht met hooi, doch vanuit de State werd het hooi in brand geschoten, tengevolge waarvan de belegeraars negen wagens met gewonden naar Leeuwarden ter verpleging moesten brengen. Eindelijk, ten derde male, met behulp van zeker krijgswerktuig, kat genaamd, beklommen zij de wallen. Alef had nog juist de tijd in den nacht met drie knechten te ontvlugten naar zijn broeder te Franeker, in de hoop met de hulp van dezen het Slot nog te behouden. Tevergeefs. Het Slot werd stormenderhand ingenomen. De soldaten van Hemmema, één uitgezonderd, sneuvelden. Bauk werd gevangen genomen en ondanks haar toestand naar Groningen overgebracht, alwaar zij in de gevangenis aan twee kinderen het leven schonk. Den 6n Februarij 1533 werd Sixtus Hemmema, zoon van Hector Hemmema en Barbera van Gratinga, op de Zathe geboren. Hij ontving te Groningen eene wetenschappelijke opvoeding en studeerde daarna in de wis- en geneeskunde te Keulen en Leuven. Verscheidene beroemde werken hebben hem een naam doen verwerven, onder andere dat over de nietigheid der “Sterrenwigchelarij”, in zijn tijd door ontwikkelde mannen bestudeerd. Hij overleed in 1588, 58 jaren oud.
Van der Aa: BERLICUM is de geboorteplaats van Sixtus Hemmema, geboren 6-2-1533 en gestorven in 1586, na zich door vele geleerde werken, w. o. een de Vinitate Astrologiae te hebben bekend gemaakt en van den in de Koophandel, Staat en Landhuishoudkunde bijzonder ervaren Jan Huidekoper, geb. 3-3-1766 en overl. 27-1-1855, als Commissaris des Konings bij de Nederlandsche Handelsmaatschappij. Ook hebben de beroemde werktuigkundigen Arjen Roelofs, Sieds Joh. Rienks en Rudolf (Roelof) Hessels Hommema hier hunne uitstekende teleskopen en andere optische werktuigen vervaardigd.
BERLIKUM had in 1572 veel te verduren van het Spaansch krijgsvolk.
Deze benden kozen nu en dan hunne legerplaats of in het nabrige KLOOSTER - ANJUM, steeds prat op roof, moord en plundering. Een hoop Friesch voetvolk trok den 20n October 1572 naar BERLIKUM, om de Walen of ander Spaansch gespuis te verdrijven. Teleurgesteld in hunne meenig steken zij den korenmolen en enige huizen bij de kerk in brand, waarna zij vertrekken. Vriend en vijand, beide deden dus in die tijd afbreuk. Vóór de Kerkhervorming hadden BERLIKUM en UITGONG een hoofdpastoor, een vicaris en 3 prebendarissen, die allen rijkelijk werden bezoldigd. In de XIVe en de 2 volgende eeuwen had men hier meermalen beroemde mannen tot pastoors, als Eelcko Liauckama, van Sexbierum, Godefridus Andla, van Ried, Sjordus (Siardus of Sierd), van Winsum, Wijbrandus, Theodorus, van Tzummarum, Hesselius, van Oosterlittens en IJsbrand van Harderwijk, die allen vroeg of later tot Abten van Lidlum werden beroepen. Liauckama bracht de Parochie van BERLIKUM onder het oppergebied van Lidlum, welke Abten en vervolgens pastoors aanstelden. Hij heeft in 1320 de kerk en toren te BERLIKUM doen bouwen, in 1777 door een Koepelkerk vervangen. IJsbrand van Harderwijk, was omstreeks 1550 pastoor te BERLIKUM en van 1553 tot 1568 Abt van Lidlum. Tijdens hij daar pastoor was trok de Hervormde leer zijn aandacht, doch vrees voor vervolging weerhield hem die leer te belijden, totdat hij, na in 1568 zijn ontslag als Abt te hebben verzocht en verkregen, openlijk de Hervormde leer aannam en naar Frankfurt vertrok. Hij overleed te Keulen in 1571.
H. W. Steenstra te Dongjum.
L. C. 19-6-1870.
EELCKO LIAUCKAMA. Abt fan Lidlum. (st. yn 1332)
Berne út in âlde sibbe op it ferneamde slot Liauckema te Seisbierrum, yn 1823 ôfbrutsen. Jong noch fielde hy al foar it kleasterlibben en waard ta priester wijd en dêrnei ta pastoar fan BERLTSUM ferkeazen. Nei it ferstjerren fan Pibo Sibranda waard hy yn it jier 1328 ta de 12e Abt fan it kleaster by Easterbierrun ferkeazen. Hjir yn dit slot wie in skilderij, de fromme Abt Eelcko foarstellende mei in knots boppe syn holle en blommen yn de mouwen fan syn kleed, omreden de leginde fertelt, dat de muontsen ferbaasd stienen, dat nei syn ferskieden (hy waard mei in knots om it libben brocht) syn spui yn blommen feroare waard. It poartegebou (1604) stiet der noch en oan it ein fan de oprit stiet in âlde pleats (* wêryn Marjelle Gosses Bloem, gearwenjende oan de Foareker húsnûmer 10 hjir yn BERLTSUM mei Tjibbele (Tjip) Willems Terpstra, hjoed de dei mei harren mem in partysintrum runt en pleatslik bekend Liauckamaleane húsnûmer 2 te Seisbierrum. Doe’t wy 30 troud wienen hawwe wy dêr op dit histoaryske plak in fantastysk diner hân. It koe net better. (De Terpstra’s Wieger, Willem, Tjibbele, komme oarspronklik fan Achlum, 1793. Op 25-8-1824 is Liauckama op ôfbraak ferkocht.)
In foto fan Eelcko Liauckama, nei in skilderij fan Laurens Alma Tadema, is û. o. te sjen yn it boek: 2000 jaar leven in een Friese grietenij MENALDUMADEEL op side 12.
Fuotnoat:
(* Juliana (Jel) van Liauckema, de dochter fan Jarich van Liaukema, wie de lêste dy ‘t yn 1616 op Liauckemastate wenne mei de famyljenamme. Hja wie boaske mei de ealman Eraert van Pipenpoy, Hear fan Merckten. Dochter Anna Sofia van Pipenpoy wenne dêrnei allinne op Liauckemastate. Hja kaam út in âlde aadlike sibbe dy ’t in protte lân en besittings hie. Hja moast foar neikommelingen soargje. Har earste man waard fermoarde, doe’t hy op pelgrimaasje wie, troch de bastertsoan fan de Deenske kening. Har twadde man libbe der rij en rûch yn lâns en boppedat wie hy har net trou. Dat lêste naam Sophia net en liet har fan him skiede, eat wat tige opmerklik wie foar in frou yn de 17de ieu dy ’t ek noch roomsk wie. It seit in hiele protte oer de macht dy ’t hja hie. Op 29-10-1785 waard yn de L. C. de boupleats, great 108 pm, om en deunby it Slot Liauckema te Seisbierrum noch te hier oanbean troch in frou Liauckema dy ‘t doedestiids te Ljouwert wenne yn in hûs boppe de glêzemakker Nauta op de Nijstêd. De famyljeline rûn úteinliks dea. Liauckema waard yn 1824 ôfbrutsen en wie destiids de grutste state fan Fryslân. In protte wol en net restaurearre portretten hingje no yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Twa skilderijen binne makke nei oanlieding fan it houlik tusken Eraert van Pipenpoy en Jel van Liauckema yn 1616, foarstellende in dûnspartij en in part fan in houliksmiel op Liauckema State te Seisbierrum. De keunstwurken binne better bekend as de ‘Pipenpoyske brulloft’. It is in unyk 17de ieusk ferslach fan de earste houliksreportaazje fan Nederlân.
Yn de oarloch wie Rients Bruinsma boer op Liauckema pleats te Seisbierrum. Hy naam hjir yn de oarloch grutte oantallen ûnderdûkers op. Hy wie ek de oprjochter fan de earste knokploech (K.P.) yn dizze regio wêr ’t hysels de lieder fan waard. Ûnder dizze eardere midsieuske stins binne noch âlde gewelven oanwêzich dy ’t net maklik te finen binne. Fan hjir út is in protte ferset plege tsjin de Dútske besetters.
LIAUCKEMA – LIEUWCKEMA
In oantroude omkesizzer fan my, Anna (Annie) Maria Gerarda Terwisscha fan Scheltinga troud mei de nei my en myn broer ferneamde Watse Arie Steringa , soan fan Dirk Hotzes Steringa en Antje Hendriks Posthumus, en no wenjende yn Skúzum, komt wierskynlik ek út it LIAUCKEMA skaai. It sibbewapen tsjut dêr yn elts gefal wol op. Hjir is ek wer de efternamme ferlern gien. Har stamheit is in Reyn LIEUWKEMA (1445 - ?) De pakesizzer fan him is in Wiger Lieuwckema (1510 - ?) ek wol skreaun as LIEUWEMA. Syn bern wienen in Wytske (1537-1617) en in Wierdt Wigers (1539 - 1581) Lieuwema.
Eyse Terwisscha (1640-1710), frou net bekend. De sibbenamme Terwisscha is ûntstien om 1600 hinne en is ôflaat fan de buorskip “Terwissche” ûnder Appelsxcha (Appelskea) Dizze Eyse is ien fan ‘e earsten mei de namme Terwisscha. Syn sark fynt men yn it tsjerkje fan Ter Idzard. De pakesizzer fan Eyse: Assuerus Terwisscha (1680 -1745) wie troud mei Sybrich LYAUCKEMA (1680 -1714) De (roomske) sibbe Terwisscha hat nei alle gedachten grutte jeften oan de tsjerke fan Ter Idzard skonken en mocht dêrom begroeven wurde yn ‘e tsjerke, dy ’t doe yn hannen fan ‘e protestanten wie. De sibbe Terwisscha besiet de Idzerdastins, wêr ’t no noch in tekening fan út 1722 bewarre wurdt yn ‘e printenkeamer fan it Frysk Museum te Ljouwert.
IN STIKJE SKIEDNIS: Sybrich Terwisscha – LYAUCKEMA’s mem wie in Scheltinga út Arum. Saecke, in pakesizzer fan har broer ferlit syn bertegrûn en wurdt boer te Ter Idzerd. Hy hjitte Tiete (Titus) Scheltinga. Hy is oant syn 65ste jier net troud. Hy is grif mei de bern fan Sybrich Terwisscha – LYAUCKEMA, in folle nicht fan syn heit, optrokken. It wienen trije famkes. Hja bliuwen alle trije frijfaam. Doe ’t de lêste fan harren, Akke, stoar krige TIETE Scheltinga alle besittings fan ‘e Terwisscha’s wêrûnder ek de stins. As tsjinprestaasje fan dizze grutte erfenis moasten (of woenen?) de bern fan Tiete Scheltinga de namme Terwisscha tafoegje. Tiete ( 1726-1799) wie troud mei Abeltje (Apollonia) Jans de Vries (1759 -1827), berne te Oldeholtpade (flakby Ter Idzard). Assuerus Terwisscha van Scheltinga (1786 -1857) is de earste dy ’t de dûbbele namme brûkt. Hy is de âldste soan fan Tiete. Hy wie troud mei Sibrigje Koelman (1786 -1867), dochter fan de genês- hiel- en froedman Jan Koelman te Warkum. Assuerus wie boer yn Ter Idzard en letter ek te Easterwierrum op Fogelsang State. De nammen Assuerus en Titus komme no noch in protte yn dizze sibbe foar. Annie har efternamme is by har houlik mei myn omkesizzer dus no noch langer wurden: Anna Maria Gerarda Steringa -Terwisscha van Scheltinga. De amtner fan ‘e Boargerlike Stân fan Wûnseradiel hie der tige niget oan en by de houlikstaspraak stie hy der dan ek efkes by stil. Annie soe wol sizze: “Siz mar Annie van Terwisscha dat is lang genôch”. Annie en har beide bruorren Titus Severinus Assuerus en Herman binne de bern fan Rein Titussoan Terwisscha van Scheltinga en Corien H. A. Hilhorst út Nijlân.
TITUS BRANDSMA
TITUS BRANDSMA, is berne op 23-2-1881 op de buorkerij fan syn heit Anne Sjoerds Brandsma yn it Ugokleaster, healwei Hartwert en Burchwert ûnder de reek fan Boalsert. Titus Brandsma stamt út in echte roomske sibbe, mei in protte fertakkings nei oare bekende Fryske sibben fan roomske snjit. Der rinne yn Fryslân en dêrbûten dan ek hiel wat minsken rûn dy ’t yn ‘e fierte troch bloedbannen yn relaasje steane ta de Brandsma’s en de Terwisscha van Scheltinga’s. In telch út dizze sibbe, wêrfan Titus Brandsma fia syn pake (Hendrik Mevis Brandsma (1802-1884) tr. m. Apollonia Terwisscha van Scheltinga (1812-1877) ôfstamt bewenne letter de monumintale buorkerij. Noch wer letter wenne hjir as eigner ien fan de oerpakes Terwisscha van Scheltinga fan heitekant fan boppeneamde Annie Steringa-Terwisscha van Scheltinga.
(L. C. 10-11-1984 Martelaar voor het Chriselijk geloof.)
De grutte seal fan it Willibrordussintrum, ien fan ‘e fertrekken by de “Tsjerke fan ‘e Friezen” (út 1141) yn ROME, is nei de Fryske martelder en letter sillich ferklearre Titus Brandsma ferneamd dy ’t yn it konsintraasjekamp Dachau fermoarde is. De besite yn ‘e simmer fan it (hillich) jier 2000 oan de Sint Piter en dizze tsjerke yn ROME hat destiids tige grutte yndruk op ús makke. Der kaam in stikje Fryske skiednis boppe driuwen. Foardat wy de generale audiïnsje (* fan de Paus op woansdytemoarn op it Sint Piterplein bywennen moasten wy troch ien fan de feilichheidspoartsjes. Nei Bibelsk ynsjoch binne alle doopten yn Kristus hillige en ta in nij libben fan neifolgjen roppen. De Roomske tradysje kent ek de saneamde “kanonisearre hilligen”. It binne leauwigen dy ’t sa foarbyldich Kristus neifolge binne, dat hja foar de hiele tsjerke jilde as foarbylden en foarsprekkers. It soe sa mar kinne dat Titus Brandsma hjoed of moarn ek hillich ferklearre wurd. Ingels wurde troch de Roomsken as beskermhilligen beskôge. Sa hienen wy hjir yn BERLTSUM de oan de aartsingel Michaël wijdde Sint Michaël krústsjerke. Dizze Michaëltsjerke fan BERLTSUM brocht de destiids pastoor fan BERLTSUM, en de sûnt 1328 ferkeazen Abt fan it Kleaster Lidlum, letter mei de tsjerken fan Seisbierrum, Spannum en û. o it Abtshûs op de St. Michielsberch of Baaium, ûnder it gebiet fan dit kleaster. De Berltsumer Krústsjerke waard, sa blyk út in opskrift yn dy krústsjerke, opboud foar dit doarp yn 1328 ûnder it pastoraat fan Eelco Liauckama.
Sjoch it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 21 de foto fan de foarige krústsjerke fan BERLTSUM.
(* fuotnoat:
Yn prinsipe falt eltse offisjele moeting mei de Paus ûnder it nûmer “pauslike audiïnsje”. Yn de praktyk binne der lykwols ferskate soarten audiïnsjes. De grutste is de generale audiïnsje, wêrby’t de Paus eltse woandytemoarn in grutte groep leauwigen ûntfangt op it Sint Piterplein. Dêrneist besteane der ek noch de steatsaudiïnsje, wêrby’t de Paus steatshaden ûntfangt, en it ‘ad limina’ fan de biskoppen. Gewoanlik wurdt der om de 25 jier in Hillich Jier hâlden. Dêrneist kin de Paus ek noch bûtengewoane jubeljierren útroppe.
***************************************************
DE SULVEREN TROFFEL.
De op 10 maaie oanbrochte tinkstien fan de stifting fan de doe nije SKOALLE mei ynpannige skoalmasterswente yn it jier 1773 op it plak wêr ’t no it Herfoarmd Sintrum stiet, sit yn de eastlike tsjerkemuorre efter it sitplak fan de koster(es). Dizze stien hat jierrenlang yn it eardere tsjin de tsjerke oanboude baarhokje lein as flierstien. Hy wie de soan fan de Grytman fan Menameradiel, baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg en Sophie Elisabeth gravin d’Aumale. Neidat dizze, troch de Ljouwerter sulversmid Jan Hermanus van Leek makke sulveren punttroffel mei de op de tinkstien oerienkommende tekst, fjouwer generaasjes lang trochjûn wie yn de sibbe, waard de sulveren troffel troch in streekrjochte ôfstammeling mei deselde foarnammen, t. w. George Wolfgang Carel Duco Kan, de em. dûmny fan Eefde, yn 1999 oan de gemeente fan de Berltsumer koepeltsjerke skonken. Hy hie gjin bern en koe de troffel dus net mear trochjaan, De troffel is, lyk as dy fan Harns by de bou fan de Grutte Tsjerke dêr yn 1772, makke troch de Ljouwerter sulversmid Jan van Leek. (G.W.C.D. Kan wie sûnt 1979 lid wurden fan it Fries Genootschap.)
“Den 10 May 1773 heeft Jonkheer G. W. C. D. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, out 7 jaaren 3 maanden en 14 dagen, den eersten steen aan dit gebouw gelegt.” (as ferfanger fan de eardere skoalle út 1617.)
(George Wolfgang Carel Duco thoe Schwartzenberg (Ljouwert 26-1-1766 - Bitgum 23-9-1808) wie ienige soan fan George Friedrich thoe Schwartzenberg en Sofia Elisabeth d’Aumale.)
Út it rekkenboek fan de Tsjerkfâdij:
Aan Hendrik Ewerts Huiving (kastlein hjir yn BERLTSUM) zijn drie Carolusguldens, twee stuivers en ach penningen betaald ‘bij het brengen der Meijboom op het Nieuwe Schoolehuis verteerd’. Yn 1774 binne de kosten betelle foar in tinkstien: ‘Den 12 Maart 1774 Betaald aan Dirk Embderveld Mr. Hardhouwer te Leeuwarden voor een Gedenksteen in de Geevel van de Nieuwe Schole huisinge geplaatst, met het houwen van het Wapen en Inscriptie sampt het Loofwerk in ‘t geheel 37 Carolusguldens en 8 stuivers’.
(De troch de Ljouwerter sulversmid Jan van Leek (1760-1797) makke sulveren punttroffel, mei op de ûnderside deselde gravearre tekst, is troch in neikommeling fan de hjir boppeneamde baron mei deselde foarnammen, yn 1999 oan de tsjerkfâdij skonken en wurdt hjir no bewarre yn ‘e klûs.)
Dûmny G. W. C. D. Kan, em. dûmny te Eefde, wenne yn it lêstoan op it adres: Tusseler 115 / 2 7241 KD te LOCHEM. Hja hienen gjin bern. Oan de efternamme te sjen hat hy Joadske roots. (Cohen, Kahn, Kan) Hy wie ek lid fan it Fries Genootschap.
De heit fan G. W. C. D. Kan, dr. Arnold Izaäk Kan jr. (* op 26-6-1871 te Heerjansdam – st. op 17-7-1946 te Velp) wie op 29-10-1896 te Rheden troud mei Sophie Elisabeth ( * op 16-11-1872 – st. op 31-7-1948) baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. De Kan sibbe is fan oarsprong in Dútsk Joadske sibbe ek skreaun as Kahn, Cahn, Cohen. Guon fan harren wienen hjir ek dûmny yn ‘e Herfoarme tsjerke. De heit en mem fan Sophie Elisabeth wienen G. W. C. D. baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg (* yn 1813 – st. yn 1891) en Frederice Emilia baronesse thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg – Schöle ( * op 22-9-1833 – st. op 14-9-1923).
TROUW. 06-01-2005
Overleden
Georg Wolfgang Carel Duco
KAN
89 jaar
Echtg. van J. O. van Marle.
09-03-1915 05-01-2005
Assen. Lochem.
***********************
Georg Wolfgang Carel Duco, berne op 27- 1-1766, doopt op 5-2-1766 en stoarn op 25- 9-1808 is de soan fan Georg Frederik van Schwartzenberg en Hohenlansberg, berne op 23- 9-1733 en stoarn op 6- 8-1783, en Sofia Elisabeth Karel ’s van Aumale, de Grytman fan MENAMERADIEL. (1766-1783) Hja út de sibbe Peter Christiaan van Marle fan ‘s Heerenbergh, landrost etc. fan Bergh op kasteel Bergh, huize Oploo ôfkomstich?)
Hy wie hjir letter ek wer Grytman.
Arnold Izaäk Kan (earder om 1886 hinne herfoarmd dûmny yn Velp en net dolearjend gesind) wie foargonger fan de Vereeniging voor Christelijke Belangen en de rechtzinnige Kapelgemeente aan de Oosterhoutstraat in Assen van 1905-1921. Hij stamt uit een predikantsfamilie. Zijn grootvader, de classicus David Mozes Kan, had de overstap gemaakt van Jodendom naar Christendom. Kan promoveerde in 1901 op Ludwig Feuerbach in zijn verhouding tot de Christelijke Zedenleer.. In 1904 zette hij zich in voor de stichting van een kerkje in Zorgvliet en Wateren. Hij stimuleerde de evangelisatie in de vrijzinnige Drentse dorpen. In 1917 legde Kan zijn ambt neer als voorganger en werd hij schoolopziener, later inspecteur van het lager onderwijs in Drente. In 1938 verliet het echtpaar Kan Assen en vestigde zich in Velp.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
LEERREDE
Bij den Boekdrukker J. R. Miedema, voormalige Vrouwenpoort, te Leeuwarden is van de pers gekomen en heeft bij de Boekhandelaars verkrijgbaar gesteld: Leerrede over het onbetamelijke der ijdele zelfverheffing, door M. L. de Boer, predikant te BERLICUM. Prijs 20 cent.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 5-9-1856.
Kennisgeving aan Familie, Vrienden en Bekenden.
HEDEN ontsliep, zacht en kalm, mijn innig geliefde Echtgenoot, MARTINUS LAMBERTUS de BOER, in leven Predikant by de Hervormde Gemeente alhier. Hij bereikte den ouderdom van 57 jaren. Bijna 34 jaren was ik met hem in den echt verbonden. Eene hevige borstaandoening maakte een einde aan zijn voor mij en mijne Kinderen zoo dierbaar leven.
BERLIKUM, den 17 Maart 1870.
G. Deinum,
Wed. M. L. de Boer.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Yn 1648 waard yn MUNSTER de FREDE fan WESTFALEN slúten.
Yn Jeropa, sa waard oerienkommen, kamen ûnôfhinlike steaten ta stân w. û. de Republyk fan ‘e Feriene Nederlannen mei elts syn eigen godtsjinst. Dêr kaam hjir sa in ein oan de 80 jirrige oarloch. Paus Innocentius X. hie ek in delegaasje nei Munster stjoerd. It wie de Keulse nuntius kardinaal FABIO CHIGI fan SIENA mei in 15 tal leden yn syn gefolch. Hy hat der yn dy eindeleaze gearkomst net in grutte rol spile en hie der net folle yn te bringen. (Hy wie lykwols fan betinken dat de Republyk fan ‘e Feriene Nederlannen net in lang libben hawwe soe. Hy stie fan 1639 oant 1651 te Keulen en hy wie ek belêste mei de opperlieding fan de Nederlânske sinding.) Hy wie in grut hynste leafhawwer en sa woe hy yn april 1646 fia in omwei de doe ferneamde HYNSTE- MERKE fan BERLTSUM ek ris besykje. Syn ferbliuw sil wol by de Hemmema ’s (Doeke) west ha, tink ik. Yn 1655 is hy ta PAUS keazen ûnder de namme fan Alexander VII. (1655 – 1667) Yn BERLTSUM wie dit de oanlieding, om as neitins oan dizze besite hjir oan BERLTSUM (*?), hjir in TINKSTIEN op te rjochtsjen. De stien wurdt no bewarre yn it Frysk Museum te Ljouwert.
(Dat Alexander VII., as neitins oan him, lykas men hawwe wol, op de wynfane fan de Koepel-tsjerke stiet wol my beslist net oan. De tsjerke hjir wie doe al in Reformearre tsjerke en men wie yn dy tiid tige anti-paapsk en om dan in wynfane meitsje te litten mei in Paus dêrop liket my frjemd ta. Sjoch fierders oer de wynfane mei de DO haadstik 80.)
Yn de Bibleteek–Chigi te Rome falt fierders noch yn de dêr bewarre stikken te lêzen: dat hy him yn 1650 ek tahâlden hat te Aken, om dêr it tusken Frankryk en Spanje fuortsette fredesûnderhanneljen by te wenjen en om dêr ek út namme fan de Hillige Stoel (de Paus) as bemiddeler by te wêzen. (*?) Sjoch ek by It Swarte Boerd yn dit e-book op side 566.
GODSTSJINSTOARLOCH.
Soevereiniteit as basis fan de manier wêrop lânnen mei inoar omgeane is al mear as 464 jier âld. Yn 1648 waard de Frede fan Westfalen tekene. De wichtichste twa ferdragen hjirfan wienen de Frede fan Münster en de Frede fan Osnabrück. De earste makke in ein oan de Tachtichjierrige Oarloch tusken De NEDERLÂNNEN en SPANJE; de twadde sleat de Tritichjierrige Oarloch ôf dy ‘t de Dútske gebieten en it midden fan Jeropa teheistere hie; beide hienen KENMERKEN fan in godstsjinstoarloch tusken PROTESTANTEN en ROOMSKEN. It belang fan de Frede fan Westfalen foar de ynternasjonale polityk wie dat FOAR IT EARST yn de skiednis op papier fêstlein waard, dat Steaten prinsipieel soeverein binne en dat as gefolch dêrfan lânnen harren net ynmingen yn inoars ynlânske oangelegenheden. Dizze prinsipes binne noch altyd liedend yn de ynternasjonale bannen. Troch it Ferdrach fan Westfalen ferfoel allyksa godtsjinstich ferskil fan miening as “casus belli”, as oanlieding dus om in oar lân wapene binnen te fallen. It oannimmen fan de nije prinsipes hat enoarme gefolgen hân foar de wize (manier) wêrop steaten mei inoar omgeane. Lytse naasjes lykas Nederlân en Switserlân waarden selstannig en prinsipieel GELYK oan de machtige steaten wêrfan ‘t hja earst ûnderdiel west wienen. De privileezjes yn de ynternasjonale polityk fan grutte Roomske hearskers mei harren universele oanspraken as de Habsburgers en de Paus wiene foarby.
IT SWARTE BOERD EN DE KROANINGSMEDALJE YN IT FRYSK MUSEUM
Yn it Frysk Museum is in swart houten boerd te sjen wêrop’t yn wite letters it folgjende te lêzen stiet: Fabius Gigi, ambassadeur des paus van Romen gedurende de handlinge van vrede tot Münster, heeft hem hierboven vertoont om de Belkumer peerdemerk te syen. Niet lang daer na is gemelde ambassadeur self paus geworden en genaemt Alexander de Sevende.
Anno 1646 Memento Mori.
It boerd is – lykas in kroaningsmedalje yn gielkoper út 1655 - ôfkomstich fan Hemmemastate te BERLTSUM. Dit hûs waard destiids bewenne troch Doecke Hemmema en Barbara Erntreiter von Hofreit. Men nimt oan, dat Chigi de frou fan Hemmema kende. It hoe bliuwt yn it skaad. Spitigernôch is it ferhaal te moai OM WIER te wêzen. Út de folsleine rige bûsboekjes fan Chigi blykt, dat hy ûnder syn ferbliuw te Münster NEA fierder as inkelde kilometers bûten de kongresstêd west hat. Hoe it ferhaal yn ‘e wrâld kommen is? Men soe tinke kinne oan de reis dy’t Flavio Chigi, de lettere kardinaal yn 1651 troch de Feriene Provinsjes makke hat. Doch dizze skynt net fierder noard-eastlik kommen te wêzen as Útert. Wy moatte it dwaan mei fêst te lizzen, dat de bewenners fan Hemmemastate en it hûs Nijefinne it op priis steld hawwe in ûnderstelde relaasje mei in paus yn oantins te hâlden. De medalje kin ien fan ‘e soannen fan Doecke Hemmema op in reis krigen hawwe. Ek is it mooglik, dat wy de oarsprong fan de tradysje sykje moatte by Sicke Hemmema op Nijefinne op it Bilt, dy’t troud wie mei in frou fan roomske komôf, Womck Carels -dochter van Unia, de eardere widdo fan de Roomske Douwe Roorda de Burggreef. Om 1648 hinne wie der doe ek noch in roomske kapel of skûltsjerkje yn it Hemmemahûs.
(Sjoch it proefskrift fan Herman Joseph Oldenhof: In en om de schuilkerkjes van Noordelijk Westergo. (Katholiek leven in Frieslands Noord-Westhoek onder de Republiek (1580-1795).
Út de QUACLAPPEN 1600 - 1612.
(Sivile fonnisen fan it Hôf fan Fryslân.)
Nicolaas Johannes van Sneek, predicant te BELKUM, in de naam van zijn Beneficie, contra Rienck Martens, mederechter in MENALDUMADEEL. Het Hoff verklaart de opzegging van de vier pondematen land ten processe uitgebracht, den gedaagde gedaan, wel en terecht gedaan dien volgende cond. de gedaagde, om tot profijte van de impetant de vs, vier pondematen landts te ontwijken, ende dezzelve te laten volgen, en restitueren met de vruchten, profijten en emolumenten, daarvan sedert de opzegginge gehad en genoten, nog te hebben en genieten tot de relax atie vandien en cond de gedaagde in de kosten tot Hoffs tauxatie. Den 15-10-1600.
Út supra.
Yn 1601. Mr. Jacques Reeneman (Vredeman?) Muziekmeester en burger in Leeuwarden contra JACOB LAUTENBACH des Vreeschen (fan ‘e Fryske) Regiments gerichts scholtus ........ de ged. aan de impt. te betalen 42 car. gld voorts niet ontvangbaar.
(JACOBUS Lautenbach is de foarheit fan in protte Berltsumers, lykas in JACOBUS van Schepen, in JACOBUS Wassenaar etc. etc. ar ek fan my. W. H. P.)
De BAARDT (Baarda) SIBBE.
Syuerdt “in de Poelen” tekene yn 1496 in ferdrach te Dronryp. Hy is stoarn ûnder it beliz fan de stêd Frjentsjer op 16-7-1500. De striid tusken de bewenners fan it Fryske plattelân û. l. f. de Fryske eallju Sjoerd fan Aylva, Tsjerk Walta, Douwe Hiddema en Dooitze Bonga en de stêd Frjentsjer û. l. f. Hendrik fan Saksen. Der wie ûnfrede ûntstien oer de hege pachten en belêstingen troch Hartoch fan Saksen oplein. Op de weromtocht, nei de ûntsetting fan de stêd , lieten de troepen fan Albrecht fan Saksen in spoar fan fernielings efter. Yn Minnertsgea waarden prysters fermoarde omdat hja it tsjerkeguod net ôfjaan woenen en ek BERLTSUM krige it swier te ferduorjen. Hendrik fan Saksen dy’t yn 1500 syn ferstoarne heit opfolge wie, skonk op 26-3-1501 oan de stêd Frjentsjer 200 moargen bûtendyks kwelderlân lizzende op it Bilt. De saneamde “Frjensjerter lannen” dy’t hjoed de dei noch yn eigendom fan dy stêd binne. Yn 1504 droech Hendrik Fryslân oer oan syn broer George fan Saksen dy’t dêrnei It Bilt fan diken foarseach.
Folpert Tiettesz, berne foar 1490 is yn 1511 meier, boer te Easterein. De trije soannen fan him nimme de namme Baerdt oan. “Baerda” wie in pleats tusken Wommels en Easterein. Yn de tsjerke fan Wommels is in grêfstien tefoarskyn kommen mei de namme Baerdt derop.
Yn 1511 komt soan Folpert Tiettessoan foar as hierder (boer) te Easterein. Yn 1542 is in Tiete Folperts Baerdt eigner fan lânnen te ARUM. Hy komt te ferstjerren yn 1546.
In Tiete Folpertssoan Baerdt, earst troud mei Rintske Claesdr. Meijlsma, is hjir siktaris fan Menameradiel (1595-1614) Hy is foar de twadde kear troud mei Sytske Laesdr. Baerdt. Sytske is te BERLTSUM stoarn op 14-10-1657 en hjir begroeven.
(sjoch de grutte sark foar it doophek yn ‘e Koepeltsjerke)
Syn heit Folpert Tiettes Baerdt is “gea man” (doarpsrjochter) te Arum yn 1561, tsjerkfâd te Arum yn 1569 Folmacht fan Wûnseradiel yn 1572, fan 1614 oant syn dea ta yn 1649 Siktaris fan MENAMERADIEL wenjende te BERLTSUM. Syn heit ferstoarn tusken (1582-1585) wie Tiette Folperts de soan fan Folpert Tiettesz (yn 1511) meyer te Easterein, berne te Skingen of Arum (gem. Baarderadiel) yn 1480, 1481 of 1490 boer op Baarderbuorren ûnder Arum en lâneigner te Marum [1542 / 1543]. Ferstoarn tusken 1543 en 1547. Syn mem is Duerdt (Duedt) Sjuerdts- dr., dochter fan Sjoerd (Syuerdt) Aesgema en Doedt (Duedt) Offke ‘s Dotinga, berne te Menaam, om 1485 hinne. (De boarnen komme net altyd oerien.) De namme Baerdt sil wol fan Baarderbuorren of Baarderadiel ôflieden wêze.
In grêfstien fan dizze sibbe leit foar it doopstek yn de Koepeltsjerke en fan in sekere Mintthy Clasen.
Syn soan Folpert Tiettes Baardt, berne ca. 1587/88 siktaris fan Menameradiel 1641, 1649, folmacht fan de Fiifdielen Seediken 1614, troude (1) te Ljouwert mei 3de prokl. te Marsum 06-05-1610 mei Antie Hettes fan Marsum, stoarn 1617, troude (2) Sytske Laesdr. Baerdt, berne ca. 1595, dochter fan Laes Lieuwes en Eelck Baerdt.
(Út dit 1e houlik: Hette Baerdt, doopt te Marsum op 11-8-1611)
Op 18-5-1646 binne ek te BERLTSUM boaske in Laes Folperts Baerdt (berne likernôch om 1613 hinne) en in Auckien Eernstdr. (berne < 1613)
Neikommelingen fan Folpert Tiettes sn. Baerdt binne û. o. de Baarda ’s en de Douma ’s fan Menaam mei dêryn ek de noch altyd foarkommende foarnamme Folpert en Joeke. De yn de Osinga sibbe foarkommende nammen Gerlof en Sybe komme ek út de Baarda sibbe wei. In Gerlof Franzen Baerdt, stoarn tusken 1604 -1627, ek neamd û. o. yn 1559, noch libjend yn 1604, wurdt yn desimber 1567 as boarger Gellof Frans te Frjentsjer ynskreaun. Hy troude foar 1567 mei in Jaeyts Ruyrtsdr. en hja wennen te Salwerd (1581). Út dit houlik 4 bern. Hy troude foar de twadde kear (nei 1581) mei in Bauck Riencksdr. Hja ferstoar te Salwerd koart foar 19-11-1627 as widdo. Út dit houlik waarden seis bern berne w. û. SYBE GERLOFS Baerdt. De foarheit fan ‘e Berltsumer Osinga’s. Op in beker fan Sybe Gerlofs en syn frou Botte Siercksdr. is it wapen Baerdt ôfbylde.
(bu. R) ANNO 1649 DEN 9 SEPTEMBER IS IN / DEN HEERE GERVST D’ EERENVESTE EN ACHTBAREN FOLPERT / BAARDT SECRETARIVS VAN MENAL / DVMADEEL OVD IN SYN ........ ENDE LEYT ALHIER BEGRAVEN /
(bi. R) ANNO 1657 DEN 14 OCTOBER IS / IN DEN HEERE GERVST D’ EERBARE SYDTSKE BAARDT HVYSVROUWE / VAN FOLPERT BAARDT SECR: / VAN MENALDVMADEEL ..... ENDE LEYT ALHIER BEGRAVEN /
Net werkenber all. –wapens ûnder een helm mei wrong; helmt.: 3 strúsfearen.
Ao 1618 DEN 8 APRIL STERF DE EERBARE / ANKE HETTE DOr ECHTE HUISFROU VAN FOLPERT / BAARDT SECRETARIS VAN MENALDUMADEEL OLT 26 IAER /
ANNO 1706 DEN 26 IANUARIUS IS IN DEN HEERE GERUST DEN / EERSAMEN FOLPERT LAESES BAARD PROCUREUR POSTULANT VAN / DEN GERECHTE VAN MENALDUMADEEL OUT 49 IAER ENDE LEIT ALHIER BEGRAUEN /
ANNO 1726 DEN 9en 9BER IS IN DEN HEERE GERUST DE EERBARE EN / DEUGHDENRYCKE VROUW AUKJEN BAARD IN LEVEN HUISVROUW VAN / RINTIUS POSTUMUS ONTFANGER VAN DEN DORPE HOLWERT IN HET 33 / STE JAAR HAARS OUDERDOMS EN LEIT ALHIER BEGRAVEN /
ANNO 1667 DEN 18 IUNI STERF MAERTEN VAN / BAARD LUITENANT VAN EEN COMP. TE / VOET OUT 34 IAER ENDE LEIT HIER BEGRAVEN /
ANNO 1676 DEN 10 OCTOBER IS IN DEN HEERE GEUST / DEN EERSAMEN TIETTE VAN BAARD OUT ONTRENT / IN SN 47 JAER ENDE LEIT ALHIER BEGRAVEN /
Rintius Posthumus wie de soan fan Nicolaas Posthumus en Anna Rintjesdr. Abbema te Ternaard.
L. C. 22-6-1954.
GREAT FRYSKE tsjerketsjinst yn BERLTSUM.
BERLTSUM hat dit wykein bisite hân fan in selskip Noardfriezen. Sneontejoun kamen de gasten yn it doarp oan. Hja waerden ûntfangen yn it “Herfoarmd Sintrum” dêr ’t de pleatslike sjongferiening “Lytse krêft” in stikmannich lieten hearre liet en dêr ’t men ek meiinoar song. Dûmny (Romke) Bijl spriek de gasten in wurd fan wolkom ta. Sneintojoun waerd yn ‘e Greate tsjerke in bisûndere tsjinst hâlden. Ds. Bijl spriek oer “De goede Hoeder” en dûmny Bernard Smilde, Grifformeard dûmny to Garyp, oer “Dat ferlaäsen shaip”. Lêstneamde spriek yn it Noardfrysk. De gesangen waerden yn it Frysk en Noard Frysk songen. De tsjerke wie grôtfol.
(Romke Bijl is op 25-12-1909 berne yn Drylst út in Grifformeard gesin. Hy studearre teology yn Kampen. Nei in jier dêr, is hy nei de Herfoarme tsjerke oergien. Hy studearre fierder yn Útert en Grins. Hy hat û. o. yn BERLTSUM dûmny west. Hy besette ferskate funksjes op klassikaal nivo en yn it ûnderwiis. Hy wie inkelde jierren lid fan de Generale Synoade fan de Herfoarme tsjerke. Yn 1954 publisearre hy in geskrift oer de trije boeken fan Jehannes en yn 1962 “Belijden en Oeucumene”. It boekje: Het gebed om het bidden te leren etc. etc. In protte artikels fan syn hân ferskinden yn “Hervormd Nederland”, it Hervormd Weekblad: “De Gereformeerde Kerk”, “In de Waagschaal” en oare tydskriften. Hy fersoarge yn 1952 de earste Fryske (lanlike) radiotsjinst foar it doetiidske I. K. O. R. (Interkerkelijk Overleg in Radio aangelegenheden, no de I. K. O. N. neamd) en wurke mei oan in grut tal Fryske útjeften op tsjerklik gebiet. Hy wie Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hy hie trije bern: Dieter (Dyt), Pyt en Romke jr. (Rommy). Mei lêstneamde ha ik wol in protte boarte en hutten boud yn de doe noch folle gruttere pastorijetún. Romke Byl hat dûmny west te Droegeham, Emmer-Compascuum, Haren, BERLTSUM, Haarlim, de Jouwer en Bûtenpost).
IT NOARDFRYSK.
It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlik part fan ‘e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nord Frysland), dy ‘t yn it noardwesten fan ‘e dielsteat Sleeswijk-Holstein leit en dêr ‘t Husum de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan ‘e Noardseekust, fuort besúden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierder wurdt it ek praten op it ta de Kreis Pinnenberch hearrende eilân Hilgenlân (Helgolân) yn ‘e midden fan ‘e Dútske Bocht.
DE FEANSTER.
2-5-1975.
Ridder in de Orde van Oranje Nassau.
ROMKE BIJL.
Ds. R. Bijl (65 jaar) werd geboren in een Gereformeerd gezin in IJlst. Hij studeerde theologie in Kampen en werd op 25 jarige leeftijd bevestigd in het ambt van predikant van de Nederlands Hervormde gemeente van Drogeham op 16 december 1934 door zijn (yn Wâldsein berne) studievriend, thans professor doctor (* Roelof) Bijlsma, hoogleraar te Brussel. Ds. Bijl was vervolgens predikant van de N. H. gemeente van Emmercompascuum, Haren (Gr.), BERLIKUM, Haarlem, Joure en Buitenpost. (1967 - 1974) Ds. Bijl heeft een diepgaande studie gemaakt van de Kirchliche Dogmatik van prof. dr. Karl Barth. Hij was lid van de Generale Synode van de Nederlands Hervormde Kerk in de jaren 1949, 1950, 1953 en 1954. In 1946 schreef hij een boekje, pastorale handreiking over het gebed, met als titel “Volhardt in het gebed”. Voorts schreef hij twee theologische werken getiteld: “Het leven is immers verschenen”, een commentaar op drie brieven van de apostel Johannes. (1953) en “Het Onze Vader”. Het gebed om bidden te leren (1963) Een bijzonder belangrijke zaak waar ds. Bijl zich mee bezig hield was de zgn “Gemeente Opbouw beweging”. Reeds in Haren en vervolgens vanuit BERLIKUM was ds. Bijl één der voormannen in het Noorden van de gemeentebeweging (Kraemer, Haitjema en Banning) binnen de Hervornde Kerk, die tenslotte uitmondde in een TOTALE reorganisatie van de Hervormde Kerk als Christus belijdende Geloofsgemeenschap. Ds. Bijl heeft in die jaren op haast onnavolgbare wijze, mede door zijn evangelische instelling, er geweldig toe bijgedragen, dat in vele plaatselijke gemeenten, de verschillende “Richtingen” in de Ned. Herv. Kerk elkaar gingen ontmoeten / herkennen en samenwerken. Naast zijn pastorale taak heeft ds. Bijl nog ander bijzonder belangrijk werk gedaan en wel de vertaling van verschillende Bijbelboeken in het Fries. Dat heeft hem heel wat jaren aan tijd en inspanning gekost. Hij werd door de Stifting Fryske Bibeloersetting in eerste instantie aangezocht voor het vertalen van het Nieuwe Testament, maar hij bleek naderhand bereid het Oude Testament – dat veel moeilijker te vertalen is – ter hand te willen nemen. Hij vertaalde de boeken 1 en 2 Koningen, Esther, Psalmen, Spreuken, Hooglied, Prediker 1 en 3 Koningen en de Klaagliederen van Jeremia. Dit zijn boeken van verschillend karakter. Koningen en Esther zijn verhalend proza. Psalmen, Hooglied en Klaagliederen zijn sterk lyrisch, terwijl Spreuken en Prediker meer het wijsheidsgenre vertegenwoordigen. Deze verscheidenheid vraagt van de vertaler stylistisch en bijzonder sterk variabel invoelingsvermogen. En dat heeft ds. Bijl. Hij deed zich daarbij voorts kennen als een intelligent theoloog, die dit deel van dit machtige werk met soepelheid, creativiteit en groot doorzettingsvermogen volbracht. Hij werkte mee aan de Bijbelvertaling die naar gehoopt wordt in 1976 zal verschijnen. De vertaling heeft ten doel, de Friezen in de kerk, maar ook van “buiten” de kerk en niet alleen voor de Friezen in het het oude “Heitelân”, maar overal ter wereld. Dit om ze te kunnen aanspreken met de Oude Boodschap in een nieuw gewaad.
Fuotnoat:
(* Roelof Bijlsma kaam, krekt as Romke Byl, út in Grifformeard gesin en hie ek yn Kampen studearre. Doe ‘t de tsjerke fan Koudum, wêr ’t it gesin destiids wenne, beswieren makke tsjin de omgong mei syn takomstige Herfoarme libbenspartner (Grietje Hoekstra), liet hy him fuortendaliks fan Kampen oerskriuwe nei de Grinzer universiteit. Hy waard krekt as Romke Byl Herfoarme dûmny en fielde him besibbe oan de Confesjonele streaming yn de Herfoarme tsjerke. Hy wie befreone mei syn stúdzjefreon Romke Bijl en preke, krekt as Bijl, ek wol yn it frysk. Hy wie foarsitter fan it Frysk Studintenselskip “Bernlef” en mei oprjochter en earste einredakteur fan it Fryske studintenblêd “Fryslân Oerein”. Yn 1946 spile hy in rol by it tastân kommen fan de P. v.d. A.
Sjoch ek de L. C. fan 26-10-1974.
Ds. Bijl: “Ik bin bidoarn troch de smûkens fan de wâlden”.
L. C. 29-12-1962.
Ds. Romke Bijl
L. C. 4-4-1992.
Yn it Frysk libje, leauwe yn it Hollânsk.
Út it NOTULENBOEK fan de tsjerkeried fan ‘e Herfoarme Gemeente fan BERLTSUM.
Aanmerking.
Ingevolge het Besluit van het Algemeen Christelijke Synode, den 30 July 1836 in ‘s Gravenhage genomen omtrent de werkzaamheden der Kerkeraden enz. is dit boek, uit de Kas der Diakenij gekocht, aangelegd, om daarin de Handelingen des Kerkenraads te boeken en de ingekomen kerkelijke stukken te Registreeren. DE OUDE KERKEBOEKEN VÓÓR DEN JARE 1772 AANGELEGD ZIJNDE, ZIJN BIJ HET OVERLIJDEN VAN DS. P. NOTA TE ZOEK GERAAKT EN ALLE MIDDELEN OM DEZELVE OP TE SPEUREN ZIJN VRUCHTELOOS GEWEEST. Daar er sedert den dood van gemelde ds. P. Nota geene buitengewone bijzonderheden voor den Kerkenraad behandeld zijn en men steeds in de hoop verkeerde, dat HET OUDE BOEK der KERKENRAADS HANDELINGEN weder gevonden zoude worden, zoo is het aanleggen van dat nieuw boek achtergebleven tot de nieuwe Kerkelijke Organisatie zulks gevorderd heeft.
As ÂLDERLINGEN hawwe hjir sunt 1836 tsjinne û. o.:
Arriën Kornelis (van Dussen), Jan Sierd ’s Tuinstra, Klaas Johannes Werkhoven, Tijs Pieter ’s de Boer, Keimpe Rein ’s de Boer, Rinse Anske ’s de Groot, Thomas Anske ’s de Groot, IJme Taeke ’s Appelhof, Eeltje Douwe ’s Schiphof, Gerlof Klazes Osinga, Wybe P. de Jong, Gerben Jacob ’s Faber, Sijbren Hanses Faber, Klaas Klaases van Gelder, Theunis Jan ’s Runia, Teake Klaases Lautenbach, (Hy wie yn it plak kommen fan de ta âlderling beneamde Theunis Jan ’s Runia, dy fersocht hie “wegens de groote zwakheid van zijn gezigt, van die benoeming verschoond te mogen worden”. Hy wie doe 52 jier âld.) Wybren Sybe ’s Krol, Wybe Sije ’s de Jong, Jacob Anne ’s de Vries, Gerben Jacob ’s Faber, J. de Rapper, Dedde Jacob ’s Appelhof, Andele Douwe ’s Boorsma, Heerke Dirk ’s Tilstra, Jarig Gerrit ’s Winselaar, Rinse Tjeerd ’s Peterzon, Minne Rein ’s Schiphof, Pieter Klazes Bijlsma, Aart Klazes Aartsma, Klaas J.(arigs) van der Schaaf etc. ....... ........
(It kolleezje fan âlderlingen wurdt ek wol it konsistoarje neamd. Tink mar oan it wurd konsistoarje keamer/gebou.)
As DIAKENS sûnt 1836, om mar in pear nammen te neamen:
Rense Anske ’s de Groot, Lolke Klazes Boomstra, Fedde Hauke ’s Hager, Heerke Willem ’s Dijkstra, Gerben Jacob ’s Faber, Fokko W. Fokkens, Klaas Rense ’s de Groot, Theunis Jan ’s Runia, Sijbren Hanses Faber, Sjoerd Jan ’s Jongsma, Sije Wybe ’s de Jong, Gerke Klazes de Jong, Tabe Sjoerd ’s Winselaar, Arjen Jelle ’s de Vries, Jacob Anne ’s de Vries, Nanne Sijbe ’s Osinga, Klaas Taeke ’s Lautenbach, Gerben Jacob ’s Faber, Dedde Jacob ’s Appelhof, Laurens Auke ’s en Gerhard Laurens van der Meij, Johannes Binnema, J. G. van Temmen, F. H. van der Meulen, Pieter Klazes Bijlsma etc. ..... .....
As TSJERKFÂDEN fan BERLTSUM hawwe hjir fungearre sûnt 1772, samar wer in pear nammen:
H.(endrik) van Theeken, Ewert Anne ’s Nauta, Michaël Hulshuijs, Jacobus Horatius Lautenbach, IJme Daniël ’s van Schepen, Douwe Eeltje ’s Schiphof, Willem Andele ’s Boomsma, Cornelis Douwe ’s van Gelder, Theunis Meetsma, Klaas Joh. Werkhoven, Rein Willem ’s Spoelhof, Thomas Cornelis Westerdijk, Andele Lolke ’s Boomsma, Klaas Klases Osinga, Murk Klazes van der Meij, Gerhard Aukes van der Meij, Fokke Willem ’s Fokkens, Klaas Johannes Werkhoven, Hans Sybren ’s Faber, Sape Andele ’s van Hout, Eeltje Douwe ’s Schiphof, Johannes de Valk, Klaas Osinga, Rein Jeremias Quarré, Lammert Jeremias Quarré, Jan Sierd ’s Tuinstra, Douwe van Gelder, Klaas Klazes van Gelder, Klaas Rinzes de Groot, Aart Kl. Aartsma, Hermanus Kiestra, Bartele Hoogterp, Noch wer letter û. o. Jan Gerrit ’s Haquebart, ferskate Osinga ’s, Runia ’s en Lautenbach ‘s etc. .....
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 30-4-1858.
HEDEN overleed onze waarde Vader FOKKE W. FOKKENS, in leven Koopman, in den ouderdom van ruim 70 jaren. Slechts zeven weken overleefde hij zijne Echtgenoote Akke Beekmans, met wie hij 49 jaren door een echt was verbonden.
BERLICUM, den 25 April 1858.
T. van Hout.
A . van Hout, geb. Fokkens
L.C. 28-12-1866
Heden overleed zacht en kalm, onze waarde Vader TABE SJOERDS WENSELAAR (Winselaar), in de ouderdom van ruim 76 jaar.
BERLICUM, den 18 December 1866.
S. T. Wenselaar.
Mede namens mijne Zusters.
Strekkende deze tot kennisgeving aan Vrienden en Bekenden.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Op 24 - 1- 2005 is de webside fan de KOEPELTSJERKE presentearre yn it Herfoarmd Sintrum troch 2 studinten ynformatika fan “De Friese Poort” yn Ljouwert.
De beide studinten hienen dit as ôfstudearprojekt keazen.
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
“DE ACHTTSTJIN”.
Fjirtich jier ferlyn (yn 1963) fûn yn de Jaarbeurshallen te Útert in oprop plak fan 18 Herfoarme en Grifformearde dûmnys (de “18” ) om meiinoar as tsjerken (van “Kerken tot Kerk”) fierder te gean en wer byinoar te kommen. Earder al waard der in Herfoarmd/Grifformeard kongres “Van kerken tot kerk” holden op 26- 5-1962 yn de Domtsjerke te Útert. Krekt as it Joadske folk, ek fjirtich jier ûnderweis west hat yn de woestine, hat it meiinoar ûnderweis proses (S. O. W) ek sa wat 40 jier duorre ear ’t de nije Tsjerke Oarder fan de lanlike P. K. N. op 1- 5-2004 yn wurking steld waard. Hjir yn BERLTSUM waard besletten om pleatslik de âlde nammen fan de gebouwen: Herfoarme tsjerke en Grifformearde tsjerke, dêrom te feroarjen yn de “Koepeltsjerke” en de “Krústsjerke”. De lêste namme, oan it griene krús op de tsjerketoer ûntliend, mar it tinkt ek noch tebek oan de hjir yn BERLTSUM stien hawwende âlde krústsjerke “Sinte Michaël”. Yn de tsjerke-oarder fan de P. K. N. wurdt de Tsjerkfâdij no neamd: it Kolleezje fan Tsjerkrintmasters en de Diakonije: it Kolleezje fan Diakens. Op snein 19 septimber 2010 binne de Herfoarme gemeente en de Grifformearde tsjerke fúsearre ta de Protestanstke gemeente fan BERLTSUM. It yn desimber 2010 útjûne nije tsjerkeblêd hat fan dy tiid ôf de namme krigen fan “Tsjerkelûden”.
IN SKRIFTLIK PROTEST.
Op 1 maart 1849 waard der by de tsjerkeried in skriftlik protest yntsjinne tsjin it Algemiene Reglemint (Bestjoeren tsjerke) mei alle feroarings en anneksen dy ’t yn striid achtte waarden tsjin Gods hillich wurd en de belidenis (de Trije Formulieren fan (ûn)ienichheid) fan de Herfoarme tsjerke. Hja woenen werom nei de Leerrigels fan de Synoade fan Doardrecht (1618 -1619) en de Belidenis útdrukt yn de 3 Formulieren fan Ienichheid. De measten fan de boppe neamde nammen (fan tsjerkeriedsleden) wienen it iens mei de ûndertekeners fan dit protest. Hjir út blykt it folgjende: De tsjerkeried (besteande út âlderlingen en diakens) is dus altyd (meast) rjochtsinnich west! Spitigernôch wienen fan de 38 (* ûndertekeners, 34 persoanen gjin lidmaten fan de tsjerke, dat de doe fungearjenjende tsjerkeried oardielje moast, dat allinne de lidmaten (belidende leden) it foech hienen om tsjin ienich tsjerklik beslút te protestearjen en de tsjerkeried dus net oars dwaan koe dan, om it protest net oan te nimmen.
Fuotnoat:
(* Doopleden - en berteleden mochten ommers net stimme yn tsjerke oangelegenheden.)
Sjoch: “Wij zien alleen naar het inwendige en niet naar het uitwendige.”
(De belijdenis en de feminisering van religie in Nederland.)
Adjan Logmans, juni 2011.
L. C. 7-6-1968.
Classis kwam niet uit kwestie geboorteleden.
“Schuld van de kerk”.
....... ....... “Iets in de zin van een “geestelijke kerbouwactie”, kerkeraad BERLIKUM. ..... ..... Ds. Papma van BERLIKUM kon het theologisch totaal niet met ds. Wagenaar vinden, doch een “gave” discussie kwam, wegens tijdgebrek niet op gang. De Berlikumer gedachte aan een soort geestelijke “kerkbouwactie” zette hier en daar wel door etc. .......... ...........
L. C. 26-12-1772.
Dr. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel praesenteert te verkoopen: Een deftige Huizinge, Hovinge c. a. staande en gelegen in de Buuren van den Dorpe BERLIKUM by wylen Keimpe Reins (de Boer?) met den dood ontruimd. Wie daarna gadinge maakt kan komen op Maandag den 28 December 1772 by de eerste zitting, te drie uur ten huize van Hendrik Everts Huiving, Castelein te BERLIKUM, op Conditiën voor te lezen.