De Earmfâden fan it doarp BERLTSUM, litte by dizze te witten:
Dat de jierlikse Berltsumer merke der wer stiet oan te kommen. (Dit wie fanâlds altyd op St. Markusdei en dus op 25 april, letter is dit wat feroare) De merke sil neffens âlde gewoante hâlden wurde op de 26e en 27e April 1797, en dat dan it merkejild wer yn it foardiel fan de earmen wêze sil. (It ferskil tusken earm en ryk wie tige grut. Op 18-10-1554 bgl. kocht de Berltsumer Job Jansen fan twa Ljouwerter boargers “een root cleet met fluweel beset met zijden taff daartoegen, een teneijten rauwe lotten palt rock ende een paar roode satijnen mouwen”, alsmede “een teneijte damasten kolder.” Bepaald gjin ienfâldige boeredracht al dat fluwiel, dy tafside, dat satin en dat damast.) Yngefolge it appointment fan it Gerjocht fan MENAMERADIEL wurde de manieren as folget:
Ten 1e. Foar elts kobist, jong of âld, 2 stoeren. Foar elts hynder, jong of âld, dy ‘t op de merke feilt wurdt, 2 stoeren mar net, dy ‘t foar in reau spant west ha of ûnder de man geane; oan ‘e oare kant:
Fan in oerdútsen kream, grut of lyts, 12 stoeren; fan in iepen kream, tafel of diske of koekiste dy ’t 4 foet lang is, 8 stoeren; fan in tafeltsje koarter dan 4 foet mei keapmansguod, draaiboerd, werpboerd en sawathinne, aparte koekist en alderhanne presentear dissen, 4 stoeren en fan elts dy ’t mei keapmansguod by de huzen lâns rint, 2 stoeren. Oertrêders en wegerders ferfâlle yn in boete fan 2 pûn grut. Oangeande kij en hynders as boppe, fan kream etc. ....... ...... , alles yn gefâl fan dispút, neier te fernimmen by niisneamde earmfâden.
BERLTSUM hie as ienichste doarp yn MENAMERADIEL altyd fêste merkedagen hân. As it sa út kaam en ien fan de data foel op in snein, dan waard de merke in dei ferskood. Dit waard meidield yn in berjocht yn de Ljouwerter krante of oars wol troch in ôfkundiging yn tsjerke. Der wienen twa soarten fan earmen yn it doarp:
De saneamde “Doarpsearmen” en “Bûtenearmen.” De lêstneamden wienen faak minsken dy ‘t hjir tydlik yn it doarp tahâlden en finansjele of oare help nedich hienen. Sa wienen hjir yn BERLTSUM doe ek al flechtlingen, reizgers en minsken dy ’t maleur krigen hienen ûnderweis. De earste gong wie dan fakentiids nei de Pastorije. Sa is hjir bgl. ris in kear in skip(ke) sonken yn de Moddergatsleat (Wiersterfeart). De earme man wie alles kwytrekke, wêr moast hy hinne ? Dizze bûtenminsken moasten dan earst harren attestaasje (bewiis fan goed hâld (gedrach) sjen litte om holpen wurde te kinnen. It koartlyn ynfierde persoansbewiis is dus net sa nij as men tinkt dat it is. Faak woenen de earmfâden (en diakens) sa gau as mooglik wie, wer fan dy minsken ôf, troch harren werom te stjoeren nei it plak wêr ’t hja wei kamen. De boaiem fan de kas kaam hiel faak yn sicht en moast dan wer mei jild oanfolle wurde. Ek (ivige) rinten út huzen en fûnsen smiten wat jild op.
ALTYD JILDKRAPTE.
De Berltsumer diakonije en earmfâden hienen hjir op ferskate plakken yn it doarp diakonije/ earmenwenten (keamers), t. w. twa op de Terp, ien yn de Lytsebuorren en fiif op de Koerkaai (no it Dok neamd), in Diakonije skipshelling dy ’t ferhierd waard, it diakonije/earmen lân, lykas “De Fûgelsang” rjocht op grûnrinten, earmenjild en gean sa mar troch. Dochs wie der altyd wer jildkrapte. It barde sels, dat de rekken(s) trochstjoerd waarden nei de earmfâden en diakonijen fan it doarp (of stêd) wêr ’t de bûtenman of frou weikaam om de hjir makke kosten te ferheljen. De Herfoarme diakony hie hjir yn BERLTSUM in Diakonijehûs *) op de Terp stean. (no de wenhuzen steande oan de Vermaningstrjitte de húsnûmers 8 en 10) tjinoer de foarhinne Minniste pastorije oan de Vermaningstrjitte. Der waarden ek siken ferplege en allinnesteanden (tydlik) opfongen. In “heit” en in “mem” bewennen it hûs en hienen de lieding. (de namme “de Beijer” docht ús hjir noch oan tinken). In grut part fan it folk libbe tige sober en yn earmoede. Bytiden wie de jildneed hjir, foaral yn minne jierren, sa heech dat de man mei it bûkoargeltsje mar wer ris troch it doarp gean moast om wat jild op te heljen. Ik ha net efterhelje kinnen wa ‘t dy man west hat. De oerheid woe ek net byspringe, dy wie doe noch net safier om soks te dwaan. Ein 19e begjin 20e ieu is dit feroare. *) It Diakonijehûs fan WIER stie om 1753 oan de Grienedyk (no de Hegedyk neamd, de Grienedyk as seedyk is om it jier tûzen hinne opsmiten).
-----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 24-12-1875.
De Diakenen der Hervormde Gemeente te BERLIKUM betuigen openlijk hunnen dank aan die Dorpsgenooten welke bij de gehouden Collecte van Woensdag j. l. door hunne ruime bijdrage voor de armen, getracht hebben om het vele treurige, dat de Diakenen bij de inzameling der giften in de kerk, en dat op zoo onbeschamende wijze ondervinden te verzachten.
BERLIKUM, 16 December 1875.
De Diakenen: S. S. Osinga.
W. J. Spoelhof.
J. G. Hacquebart
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Leidsch Dagblad 21-8-1893
Daar de armoede in de gemeente Menaldumadeel (Frl.) toeneemt, zal van gemeentewege te BERLIKUM een armhuis gesticht worden. Van de 10 laagste inschrijvers is de bouw aan de laagste inschrijver A. Vos van Manden (dit moat wêze: timmerman Auke Sierds van Randen) te WIER opgedragen voor de som van fl. 9864,-
IT HÛNEGAT.
De measten fan ús hawwe it Gemeentlik earmhûs mei de hege stiennen trep derfoar op de terp oan de Lytsebuorren 9 noch wol kennen, op it plak wêr ’t no “Berlinga State” stiet. Ûnder de hege trep wie it saneamde hûnegat.**) Hjir waarden dronken en oare oppakte minsken ynearsten yn opslúten. Op dit plak (Kad. BERLIKUM Sectie A 777 en 779) stienen yn 1870 noch twa húzen mei tún dy’t yn eigendom wienen fan de sibbe Schwartzenberg thoe Hohenlansberg.
(Op oare doarpen siet dit hûnegat meastal ûnder de tsjerketoer.)
BRAAKHOKKEN.
Yn tiiden fan wurkleazens binne oan de Mulseleane, sawat op it plak wêr ’t no muzykkorps “Klimop” repetearret, (it gebou foar it hûs Mulseleane húsnûmer 7 oer en weryn ek in pjutterplak fêstige is) 10 houten braakhokken delsetten foar it wurk yn de winter, om sa de wurkleaze arbeiders de winter trochkomme litte te kinnen.
L. C. 15-4-1898
Genoemde notaris zal op maandag 25 april 1898 ‘s avonds 6 uur bij J. Terpstra te BERLIKUM in één zitting ter verkoop aanbieden het oud ARMHUIS te BERLIKUM, Kad. Gemeente BERLIKUM A 2358 groot 1.64 are. De koper zal de bestaande gebouwen tot op de grond moeten afbreken vóór i juni 1898. Inlichtingen te bekomen bij notaris Alma te BERLIKUM.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 11-6-1897.
ARMVADER.
Het Burgelijk Armbestuur te BERLIKUM vraagt beschaafde en
ontwikkelde gehuwde lieden ter vervulling der betrekking van
VADER en MOEDER in het ARMHUIS, volgens de ten Gemeente-
huize te Menaldum ter lezing liggende instructie. Aan de betrek-
king is verbonden eene jaarwedde ad fl. 250,- met voeding. Ver-
eischten zijn: leeftijd ongeveer 35 à 40 jaar, Nederlandsch Her-
vormd, zonder kinderen ten laste. Aanmelding bij het Armbestuur
vóór 25 Juni 1897, alleen schriftelijk.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 28-9-1907.
Alles woelt hier om verandering. Dit is ook van toepassing op “Orxma-State” alhier. Eens toch was zij de residentie van eene adelijke familie en later tal van jaren was zij (dit is it noch oerbleaune Koetshûs) voor Armhuis. Binnen eenige dagen wordt zij opnieuw van hare bestemming onttrokken, daar haar bewoners overgeplaatst worden in het Armhuis (oan de Lytsebuorren) te BERLIKUM. Primo October zal die verhuizing plaats vinden.
(Sjoch ek DE KRANT VAN TOEN, de L. C. fan 26-11-1830 (sjoch by: Verkooping van Koeijen) De Publike ferkeap fan: Het oud adelijke Slot, “Orxma State” genaamd, te Menaldum, met de daarbij behoorende tuinmanswoning, stal, koetshuis, tuinen, singels, wandelwegen en verdere vastigheden. Dit gebouw wordt eerst afzonderlijk OP SLOOPING en AFBRAAK geveild. Verkoop in 22 perceelen. Fierders: eene nieuw gebouwde huizinge waarin 2 kamers, hierbij een stal en KOETSHUIS, voorzien van put en regenbak, bovenzolder met beschoten dak, dit gebouw is zeer geschikt tot vertimmering voor gardenierswoningen, hierbij behoort het hele voorplein en hornleger etc, begerechtigd met het zwanenjacht etc. ....... ....... )
DE LANGE WINTERS.
De widdowen en behoeftigen krigen foar de winter fan de diakens brânstof lykas turf, hout en winteriten, lykas jierpels, sypels, winterwoartels etc. Dit hat noch oan de jierren sechstich fan de foarige ieu ta duorre. Yn de diakonijeboeken wurde jo faak ek gewaar as in winter lang of koart duorre hat. (in ekstra útdieling “vanwege deze lange strenge winter”) Dit wie mei de simmer krekt sa. De tsjerkfâden hawwe bgl. sa ek ris skea fergoedsje moatten, omdat de kobisten yn de tsjerkefinne, troch de droechsteande sleatten gien wienen en by de neistlizzers it gewaaks op it lân fernield hienen, dit omdat de droechte “yn dizze hjitte simmer sa lang oanhâlden hie”.
GEUNSTEN wurde RJOCHTEN.
De diakens fan de Herfoarme gemeente fan BERLTSUM (no yn federaasje en straks P. K. N.) hâlde elts jier op âldjiersdei noch de útdieling oan de heukereftige widdowen fan BERLTSUM, fan it jild út it saneamde “Brouwersfûns”. Der wie no net ien widdo mear foar yn oanmerking kommen, omdat it wurd “behoeftich” hjir lokkich net mear foar komt. It is no mear in (doarps) tradysje wurden. De geunst “oan” de earmen is troch de Sosjale Wetten in rjocht wurden “fan” de earmen. In goede saak tinkt my.
Fuotnoaten:
*) Yn 1847 hie de Herfoarme diakonije it beslút nommen om op de Terp, oan de doe saneamde Grytmanssteech (no de Vermaningstrjitte neamd), in Diakonijehûs te stiftsjen. Timmerman Gerben Joh. Peterzon hat dit hûs boud foar de som fan fl. 1498, -
Yn it algemien wie de Beijer, of noch folle âlder de Baaierd neamd, fan oarsprong in soarte fan loazjemint foar swalkers en persoanen op trochreis mar dan wol foar ien nacht. It behearde doe ta, of wie ûnderdiel fan in Katoliek gasthûs, en letter fan de Herfoarme tsjerke.
**) It grapke wie: Fraach: “Wat sit der yn BERLTSUM boppe it hûnegat?”
It andert wie dan: “De stiennen trep”. “Nee”, sa gie it dan. “De sturt!”
....................................................................
DIAKENS.
fan de Gereformeerde Gemeente (Herfoarme Gemeente) fan BERLTSUM wienen hjir û. o. in Pytter Douwes, Warner Emmen, Rein Willem ’s (Spoelhof), Jouw Pyter ’s (Keuning), Sjoerd Lolke ’s (van Gelder of Boomsma ?), Willem Andele ’s (Boomsma), Hans Sybren ’s Faber, Jacobus Sybren ’s (Lautenbach), Jacob Dedde ’s (Appelhof), Eeltie Sikke ’s (Schiphof), Klaas Douwe ’s (van Gelder ?), Klaas Klases van Gelder, Gysbert Douwe ’s (Wassenaar), Fokke Willems Fokkens, Klaas Pieters de Boer, Jan Sierd ’s (Tuinstra), Klaas (Wop ’s) de Groot, Minne Minne ’s (Posthumus), Bartele Klases Hoogterp, mr. syrurgyn, Jochum Hobbes, mr. timmerman, (troud mei Trijntie Hanses), Kornelis Timmersma, Gerhard Aukes van de Meij en gean sa mar troch. De Diakonije bestie destiids út twa diakens. (en in ôfgeande diaken) De twadde diaken waard “de adjunct” neamd.
SOSJALE NEED:
It ferdwinen fan de leafde ta de neiste en it foarop sykje fan it EIGEN belang dêrfoar yn it plak setten.
en
DISHARMONY:
As God ÚT ÚS WURK rekket, hawwe wy allinne MEI ÚS SELS te dwaan. Allinne MEILIJEN (begrutsjen) bringt verbettering yn it minskelibben en dêrmei yn de Maatskippij.
Aldus de (letter frijmakke) grifformearde dûmny Douwe van Dijk út Blije.
Douwe van Dijk is berne te Blije yn 1887 en yn syn boek, wat yn 1960 útkaam mei de titel: Hoe het was en hoe het geworden is, skriuwt hy bewogen oer de earmoede yn dy dagen (1895 -1905). Oer de tiid fan syn mem en oaren dy ‘t mei in stik koalraap nei skoalle gienen en oer de jonge minsken, dy ‘t yn de moanne Maaie trouden en yn de dêrop folgjende winter nei de earmfâden moasten om in pear sinten te freegjen om wat earte en grôt keapje te kinnen. We kinne it ús no net mear foarstelle.
Der hat altyd al in protte earmoed yn Nederlân west. In foarbyld: Yn 1714 wienen yn de gemeente Idaarderadiel mei doe yn totaal 2007 ynwenners sa ’n 560 minsken op de bedieling oanwezen.
GOUDSCHE COURANT 27-8-1879
Eenige tijd geleden heeft het bestuur onzer gemeente (Menaldumadeel) het besluit genomen de instellingen van weldadigheid terug te brengen tot 3 armvoogdijen, Marssum, BERLIKUM en Menaldum. Het wil dit besluit met 1-1-1880 in werking doen treden, maar ondervindt daarbij niet de medewerking welke het mocht verwachten. In een paar dorpen zijn er geen personen, die de taak van armvoogd voor hun dorp op zich willen nemen. In het bijzonder zijn sommigen der thans fungeerende armvoogden gekwetst. Zij meenen, dat door de voorgestelde regeling een votum (uitspraak) van wantrouwen omtrent hun bestaan wordt uitgedrukt. Dit is geenszins het geval. Het bstuur wil concentratie, een eenvoudiger beheer, het wil openbare aanbesteding der te leveren eetwaren enz. en daardoor bezuiniging. Als men denkt, dat jaren fl. 20.000,- aan onderhoud der armen wordt uitgegeven, dan kan men niet anders dan het streven toejuichen en het een goede uitslag toewenschen.
L. C. 3-2-1900.
Wij vernemen uit goede bron, dat de Woningvereniging “MENALDUMADEEL” 9 doelmatige eenvoudige aan hygiënische eischen voldoende werkmanswoningen zal stichten in de dorpen Menaldum en BERLIKUM, waar nog VELE arbeiders in KROTTEN gehuisvest zijn.
De Berlikumer BEESTENMARKT, die volgens overouden regel op den 25 April inviel, en reeds voor eeuwen beroemd was, ontlenen wij aan de gedachte, dat St. Marcus, wiens vierdag alsdan invalt, te BERLIKUM of UITGONG of wel in beide plaatsen als Patroon geëerd pleegt te worden, en aanleiding tot deze beroemde jaarmarkt heeft gegeven. etc. ...... .......
(Haw ik earne lêzen. Sint Markusdei of ek wol neamd Sinte Marëusdei.)
Guon minsken wolle wol hawwe, dat de earste fan de twa hjir foar de Koepeltsjerke stien hawwende tsjerken wijd west hat oan Sint Marcus. Fandêr noch altyd de foarjiersmerke op 25 April. De neijiersmerke waard hâlden op Sint Victorsdei (10 oktober, dit is martler de Hillige Victor fan Xanten.) De Berltsumer jiermerk is yn 1920 ôfskaft.
L. C. 7-6-1901.
De gezamenlijke BEDEELDEN in het burgelijk ARMHUIS te BERLIKUM betuigen hunne hartelijken dank voor de zorgvolle en humane behandeling gedurende 3¼ jaar ondervonden van hunnen geachten Vader en Moeder B.(eert) (Pieters) Goodijk en zijne Echtgenoot E.(elkje) (Everts) Sikkema. Met leede oogen hebben wij hen nagezien toen zij van hier vertrokken naar hunne nieuwe betrekking te Harlingen.
De gezamenlijke bedeelden.
(Hja binne yn 1901 opfolge troch de famylje Douwe de Vries tr. m. Janke Mast út de Gordyk, dy ’t yn 1906 earfol ûntslein binne, dan sûnt 1907 in Sint Klazes de Jong tr. m. Tietje Luitzens de Jong, in Jacob Hoekstra, tr. m. Baukje Gaasterland, sûnt 1929 de famylje H.(ein) Westra tr. m. J.(anneke) Fetter út Ljouwert, de famylje Hiemstra, Anne Dijkstra, noch wer earder sûnt 1894 oant 1897 in Joh. Koenraads van der Veer tr. m. Tjitske Hemmnga, etc. .... Yn 1869 wie hjir in Antje Baltus van Dijk (berne Hazer) earm-moeder. De lêste “Fader” en “Moeder” fan it earmhûs wienen de famyljes G.(erben) (Jentjes) Blaauw tr. m. P. Blaauw-Bangma en de fam P. Roek-Boxma. It Rêst- en Fersoargingshûs “Berlingahiem” krige no in “direkteur” t. w. dhr. P.(iet) Steenbergen. Steenbergen, troud mei T. Bloem, wie foarhinne “broeder” west yn it ferpleechhûs “De Flecke” op ‘e Jouer, en wie dêr om 1974 fuortgien fanwegen de minne sfeer dêr yn dit tehûs.)
Bewenner Klaas Hiemstra (ferstânlik beheind) kaam yn 1943 mei syn âlders nei BERLTSUM yn it earmhûs te wenjen, trochdat syn âlders doe de lieding fan dit tehûs op harren nommen hienen. Doe’t hy yn 1983 40 jier yn it no moderne fersoargingshûs wenne hie, krige hy in nije stoel oanbean fan de bewennersferiening troch de direkteur Piet Steenbergen.
Yn de Argiven fan de Doarpsfâldij 1697-1905 fan BERLTSUM is ek noch in protte te finen. Sa û. o in factuer foar de earmfâden foar de werbou fan twa wenten te BERLTSUM. In akte wêrby de earmfâden twa húzen keapje fan de hear Ernst Louis baron Schwartzenberg mei in kadastrale tekening en in machtiging fan Deputearre Steaten. Ynstrjuksjes foar de “Fader” en de “Moeder” yn it Earmhûs te BERLTSUM. Húshâldlike foarskriften foar de ferpleechden yn it Earmhûs te BERLTSUM. In ôfrekkening tusken it Boargerlik Earmbestjoer en Klaas Taekes Lautenbach oangeande de opbringst fan it ferkochte hûs fan de ferpleechde Trijntje Klazes Larooi (1825-1905) de widdo fan Jouke Jacobs Sinnema (1824-1866) en harren soan Jacob Sinnema. In register fan bewenners fan it (Boargerlik) Earmhûs te BERLTSUM mei opjefte fan meinommen guod. In register fan bedielden en listen fan bedielden en gean sa mar troch.
(Men spriek fan “fader”en “moeder” omdat heit en mem, foar it gefoel fan de ynwenners, dit te nei oan kaam. Dat wie lykwols mei Fryske preken ek sa, omdat in protte minsken dit ek te nei oan fûnen. It Hollânsk stie folle fierder fan de minsken ôf.)
Der binne û. o. ek noch skreaune brieven bewarre bleaun fan dûmny Winandus van Assen oan Baron J. F. van Schwartzenberg, de Grytman fan Menameradiel, oer it gedrach fan in Earmfâd en de tastân fan de Diakony te BERLTSUM en û. o. stikken oangeande de te bouwen Koepeltsjerke te BERLTSUM mei kaarten etc. ........
By K. B. goedkard.
De STAATS - COURANT van heden bevat de bij Kon. Besluit goedgekeurde statuten van de vereeniging “Dorpsbelangen” te BERLIKUM. Zij stelt zich ten doel de behartiging der belangen van het dorp BERLIKUM en het gehucht KLOOSTER - ANJUM, van hunne inwoners, maar VOORAL van de arbeidende klasse aldaar, en tracht haar doel te bereiken:
a. Door het verleenen van geldelijken of anderen steun aan instellingen of particulieren die, te zijner tijd, in het gebrek aan werk voor bovenbedoelde arbeidende klasse willen voorzien.
b. Door het helpen aanschaffen van levensmiddelen, brandstoffen en dergelijke, om voor den laagst mogelijken prijs, altijd voor bedoelde arbeidende klasse, verkrijgbaar te stellen.
Zij is aangegaan voor een tijd van 29 jaar, ingegaan 1 april 1895.
(WIER hat sûnt 1952 in eigen feriening doarpsbelangen “Doarpsrounte.” Dit is de fuortsetting fan de yn 1942 oprjochtte “Krite WIER”, in ôfdieling fan it Selskip Fryske Tael en Skriftkennisse.)
L. C. 3-12-1913.
Vanwege de hier bestaande “Geitenvereniging” is hedenmiddag eene keuring van geiten gehouden. Een vijftigtal waren opgekomen. Er was nogal verschil in ras. In de eerste plaats sprong dadelijk in het oog, dat de “Toggenburger” bok, die indertijd door de vereniging “Dorpsbelang” was aangekocht, vrij wat afstammelingen had, w. o. met groote melkopbrengst. Een geit zelfs had eene gemiddelde melkgift van 12 liter per etmaal. Ook waren er waarin het “Saanen”-ras viel te herkennen en voorts verschillende, die van het hier inheemche afstamden. Verscheidenheid derhalve, waarin zeer zeker wel verbeteringen vallen aan te brengen. Dat het houden van geiten overigens nogal van betekenis is, moge blijken uit het feit, dat onder het behoor van dit dorp en het naburige KLOOSTER-ANJUM circa 350 stuks kunnen worden geteld.
(De geit waard wol “de ko“ fan de arbeider neamd of ek wol “de ko” fan de earme man.)
L. C. 27-6-1913.
Verpachting van uitgestrekt en wildrijk JACHTVELD onder en nabij BERLIKUM, gedurende twee seizoenen 1913 – 1914. Voorwaarden liggen ter inzage bij de kastelein J.(oh.) E. Folkertsma te BERLIKUM. Gesloten briefjes in te leveren bij eerst ondergetekende vóór of op 5 Juli a. s.
L.(eendert) P.(ieter ’s) Runia, voorzitter en (notaris) H. van Hulst, secretaris.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE FERDWÛNE KÛGEL
Frans P. Haarsma út de Bûterhoeke en Wytze Wassenaar út WIER wienen it fjild yngien om te jeien.
Frans skeat in hazze en beide rûnen se op it delsketten bist ta.
Wat no ?, der wie gjin bloed oan ‘e kop en gjin kûgelgat yn ‘e kop te sjen.
Hoe kin dat no ?
Op datselde stuit farre Gerrit M. de Boer út de Buorren foarby mei syn fiskersboatsje.
Hy seach de beide mannen op ‘e knibbels lizzen, stapte de boat út en rûn op de beide mannen ta.
“Wat is hjir oan ‘e hân ?”, frege hy.
Frans: “Wy witte net hoe it kin, der is gjin bloed oan en gjin kûgelgat yn ‘e kop te sjen. Wy snappe der neat fan”.
Gerrit: “Ik wit wol hoe it kin. It is krekt as mei de preek fan dûmny Pieter Dykstra. Hy is it iene ear yn en it oare ear wer útgien”.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 18-7-1838.
Voor rekening van de gemeenten uit deze provincie worden thans verpleegd in de Gestichten der Maatschappij van Weldadigheid: 197 kinderen, 34 huisgezinnen en éénlopende personen, zijnde er in de Bedelaarsgestichten opgenomen 257.
(Der waard ek yn BERLTSUM in protte biddele, en as hja oppakt waarden moasten se foar straf nei “Feanhuzen” ta.)
De MAATSCHAPPIJ van WELDADIGHEID.
In plak wêr ‘t de earmste minsken fan it lân ûnderdak, wurk en wer opnij opfieden waarden.
De Maatskippij is in inisjatyf fan generaal Johannes van den Bosch. Krekt nei de Frânske tiid (1795 – 1813), as de troepen fan Napoleon ferslein binne, libbet 10 % fan de dan twa miljoen Nederlanners ûnder de earmoedegrins. Yn de stêden rint it oantal sels op ta wol 50 %. As it lân yn 1816 en 1817 dan ek noch te meitsjen krijt mei mislearre rispings wurdt it der net better op foar de alderearmsten. Dêrneist ûnderfine boargers oerlêst fan swalkers, bidlers en omrinners dy ’t yn de stêden omhingje. Van den Bosch woe wat oan it ferfauperjen fan de earmen dwaan. Hy mient dat de stedsbewenners better op harren plak binne yn lânboukoloanjes, wer ‘t hja in better bestean opbouwe kinne, en dêrnei soenen hja dan, opnij opfieden en wol, werom keare kinne yn de maatskippij. Hy krige de stipe fan Kening Willem I. En der binne mear minsken dy ‘t heil sjogge yn de plannen. Sa kin de feriening yn april 1818 oprjochte wurde. Yn desimber fan itselde jier binne der al 20.000 leden. Dêr is it waaksen der nammens ek mei út. De woaste Drintse sângrûnen lykje it meast gaadlike plak foar de plannen fan Van den Bosch. De grûn wurdt ûntginne en der wurde echte doarpen út de grûn stampt: mei in tsjerke, skoalle en oare foarsjennings foar de earmen út de stêd. De bewenners kinne dêr in lyts boerebedriuwke begjinne, mar omdat net eltsenien foar in boerenbestean yn ‘e widze lein is, wurdt der ek foar oarsoartich wurk soarge. Sa komt der in kuormakkerij, in timmerwurkplak en in strieflechterij. Op dizze wize wurde de koloanjes al gau selsfoarsjenjend. Dat is ek nedich, want de Maatskippij moat harsels bedrippe kinne. Der wurde yn totaal trije fan dizze FRIJE koloanjedoarpen boud: Frederiksoard, Willemsoard en Wilhelminaoard. De East– en Westfjirdeparten wurde tegearre as Koloanje VI oanmurken. De bewenners koenen oeral fandinne komme: hast eltse stêd of gemeente hat nammentlik wol in ôfdieling dy ‘t húshâldings selektearret om nei de koloanjes te stjoeren. Ûnder de Frysks ôfdielings is ek de gemeente MENAMERADIEL fertsjintwurdige. De kontribúsje is in stoer yn ‘e wike: dus fl. 2,60 yn ‘t jier. Dat wurdt opbrocht troch de mear begoedige boargers dy ‘t jild oer hawwe foar de ideeën fan Van den Bosch. It kost 1700 gûne om in gesin nei in koloanje te stjoeren. Foar dat bedrach soarget de Maatskippij 16 jier foar sa ‘n hús hâlden.
In FRIJE koloanje betsjutte net dat de earmen dy ‘t dêr ûnderdak krigen frij binne om wer fuort te gean wannear ‘t hja woenen. Hja binne ferpicht om der 16 jier te wurkjen en dêrmei harren skuld oan de Maatskippij – foar de kosten fan harren libbensûnderhâld – ôf te lossen. Minsken koenen harren lykwols wól frijwillich oanjaan foar dy konstruksje. Dat barde dan ek regelmjittich. Lykas minsken nei it bûtenlân emigrearren om dêr in bettere takomst te sykjen, triek men ek hjir nei ta. It wienen dreege tiden. Yn in koloanje wie wurk en de bern koenen der nei skoalle ta, en dat yn in tiid dat noch lang net alle bern dat koenen. Yn 1827 kaam der yn de koloanjes sels in eigen sikefûns. Bewenners betellen in sint yn ‘e wike.
Foar swalkers, wezen en feroardielden is der GJIN sprake fan frijwilligens.; hja wurde ferplicht nei twinge– of strafkoloanjes stjoerd. Dêrfoar binne der gestichten yn Feanhúzen en Ommer-skâns. Hja meie net frij yn– en útrinne. De klam leit hjir mear op it opnij opfieden en dat kin it bêste troch de bewenners wurkje te litten, tinkt Van den Bosch. Yn de praktyk blykt it lykwols behoarlik lêstich om swalkers oan sa ‘n boerebestean wenne te litten. Hja fersetten harren tsjin de regelsucht. Yn Nederlân wenje yn totaal sa ‘n 800.000 neikomlingen fan earder bewenners.
De listen mei de eardere bewenners binne noch oanwêzich yn de Drintkse argiven en yn te sjen.
It inisjatyf fan Joh. Van den Bosch waard ek bekritisearre en wol it sterkst fanút de Kristlik konservative hoeke. Hjir ek yn BERLTSUM. De Reveil-beweging (* wie fan oardiel dat de minske net yngripe mocht yn de (sa ‘t hja mienden) troch God beskikte oardering. In Bibelútliz fan minsken dy ‘t tochten dat de earmen fan de geunsten fan begoedigen libje moasten. Oer it RJOCHT op in minimaal bestean fan de arbeider, dêr waard net oer praat. It waard altyd ôfdien mei: “Ja, dat is no ienris sa”. (en it moat ek sa bliuwe) De Bibelske PLICHT om de earmoede te bestriden kaam yn harren tinken net op. Hja dy ‘t leger en heger ûnderrjocht hân hienen kamen út de begoedige stân en wisten faak net wat earmoede wie. Krekt hja sieten yn de (earm) bestjoeren en kommisjes en mienden fakentiden dat it meastal de eigen skuld fan de minsken wie. Doe it (demokratysk) Sosjalisme opkaam en dêrmei foaral de fakbûnen krige de lytse man it letter folle better. Trouwens de Nederlânske Steat krige ek foar eagen dat hja de plicht hie om de earmoede te bestriden. Der kamen sosjale wetten ta stân en in protte foarsjennings op sosjaal gebiet.
Dan noch dit: Neikommelingen sille grêven fan de te Feanhuzen ferstoarnen net fine, tink ik. Hja waarden mei in mei sink beklaeide transportkiste ferfierd en op it begraafplak te rêste lein. Foar de earme bewenners fan Feanhuzen wie der gjin normale begraffenis lykas wy dy hjir yn BERLTSUM kenne. De deade waard gewoan “dumpt”, fakentiden mei mear liken yn ien kûle. Yn 1854 stoaren yn Feanhuzen by in goalera-epidemy 444 minsken !
(* It Reveil wie in fernijingsbeweging yn it Nederlânske Protestantisme. Bilderdyk jild as de “heit” fan dizze beweging. Bilderdyk wie in geniaal minsk, mei in útsûnderlike kreative geast, dy ’t troch syn tiidgenoaten bewûndere en ferhúne waard. Hy wie in ortodoks leauwige en stiek syn steile oertsjûgings net ûnder stuollen en banken. Yn ‘e twadde helte fan syn libben fjoerre hy hieltiten faker syn pylken ôf op de geast fan ‘e Ferljochting dy ’t streekrjocht, yn syn eagen, nei it ferdjer laatte soe. Ien fan syn wichtichste learlingen as privaatdosint, Issaäk da Costa (1798 -1860), publisearre yn 1823 it ferneamd wurden pamflet ‘Bezwaren tegen de geest der eeuw’, dat fan a oant z de geast fan Bilderdijk aseme.
L. C. 31-8-1912.
EARMOEDE, earmoede wie it hjir yn 1848 en dus in begryplike reaksje te lêzen yn de Ljouwerter Krante. Samar in pear fragminten út in gedicht oer dy tiid.
Kijkjes Landbouw - Tentoonstelling.
Mijn vaderlandsch lievende verontwaardiging op het zien van een 50–tal koeijen van 700 à 900 kg van Holwerd naar Harlingen gedreven, om vandaar per stoomboot naar Engeland te worden vervoerd. O VETTE KOEIJEN VAN EGYPTE !
Mercuur, wat maakt u toch zoo ongehoord vermetel, Dat gij op Friso ’s erf ‘t vet schept van de ketel. Om daarmee niet ons volk maar Britsche Lords te voen. Heet dat voor’t land gezorgd of, of is ’t den Christen wandel. Als duurte, gebrek, de vrucht zijn van den handel ? Heet dat der slangenstaf met d ’ouden roem gezwaaid. Als gij ons ontvoert, al wat gemest wordt en gemaaid. Als gij de meerderheid van heel een volk gaat kwellen. Om slechts des huismans beurs van guinjen (gûnen) te doen zwellen ? Als gij den burger, die naar spek of vleesch meer duldt. En ‘s werkmans holle maag met drooge boonen vult ............ De nijvre burgerstand moogt nuchtren kalfsvleesch koopen. Het schraal en bleek gemeen sluipt om u heen bij ‘t koopen. Door honger, kou, gebrek als schimmen uitgeteerd. Geen hunner eet zijn brood met vet gesmeerd. Het hoen, het kieken ‘t is al Brittanjes gading. Van Harlingen vertrekt schier dag aan dag een lading. Al wat in d’ ooft tuin groeit, wat fruit of broeikas biedt. Het is van Albion, hier koopt, hier proeft men nooit. Het besrijk BERLIKUM ziet naauw gelaten heesters. Of Britten zijn daarvan de Souvereine meesters. ‘t Is wonder dat nog een leeuwerik overschiet. De laatste kievit zelfs stroomt naar Britisch gebied. Kon men voor goud de zon en maan en sterren koopen. De Britten zouden dra ons wereldstelsel koopen etc. ..... ......
Gesteld door MARTEN MARTENS (Menniste dûmny) te Holwerd, 9- 2-1848.
Copie par W. S. Osinga à BERLIKUM le Mai premier.
De Quotisaasje wie in belesting nei draachkrêft en ynfierd yn 1749 nei it saneamde PACHTERS OPROER. It hat mar ien jier bestien omdat ek dizze belesting net wolkom wie by it folk.
Hjir folgje sa mar in pear nammen fan BERLTSUMERS út dy tiid:
Namme
Ds. (Siricus) Arnoldi
(E. M.) Burmania
Hulshuis
Veen (Bote-v.d. mr. timmerman / kerkv.?)
Arjen Heeres
Dedde Jacobs (Appelhof)
Dirk Andringa
Gerben Quader
Gerryt Olpherts
Heere Carree
Hylke Fok(k)es
Horatius Lautenbag
Hotse Quader
Yme Ruurds (Braaksma)
Jacob Douwes (boer)
Jacob Jacobs (de Wilde)
Jacob Cornelis (Beidschat)
Johannes Assen
Johannes Dirks (Kuik ?)
Joost-Hoffman (mr. sirurgyn)
Claas Gelder
Claas Ates (de Frjentsjerter skipper) (Bijlsma)
Chryn Philippus (Weidenaar)
Lammert Ages
Lolke Meinders (Boomsma)
Wed. Marten Jacobs
(de-eardere-boer en Minniste leraar ?)
Pytter Aarts (Aartsma ?)
Sybren Gelder
Sybren Jacobs
Sytse Annes Ypee
Sicke Beerents
Theunis Meetsma
Theunis Jans (Hager ?)
TjeerdRomkes(Bontekoe ?)
Tjerk Gerroltsma (kerkvoogd)
Willem Meinderts (Boomsma)
Willem-Reins (Spoelhof hofker)
An(de)le Meinderts (Boomsma hofker)
Olphert Olpherts (boer) ( Posthumus)
troud mei Janke Jarigs.
Dirk-Daniëls (glasemaker, verver)
Gauke Ages (entenier)
Simon Jansen (Cramer) ( winkelier)
Arjen Heeres
Feye Jans (turfschipper)
Salvis Jacobs (de Jong)
Jetse Meinderts (mr.timmerman)
Wed.-Fedde Haukes (Hager) en zoon
(is de lettere Ljouwerter skipper)
Claas Ta(e)kes
(mr. timmerman)
Willem-Reins (Spoelhof, hofker)
Berop
praedicant
grytman
schriever
monsieur
boer
hofker
boer
boer
begoedigt
(smid)
gemeen
gering
begoedigt
wel in staat
welgesteld
gemeen
boer
herbergier
(boer, gebruiker kerkeplaats)
redelijk in staat
wel in staat
redelijk in staat (timmerman)
redelijk welgesteld
begoedigt (entenier)
begoedigt
gemeen
tighelaar
bakker
schoolmeester
smid
(erfgeseten) boer
arbeider
welgesteld
boer
hofker
gemeen
gemeen
welgesteld
gemeen
redelijk in staat
arm
boer
gemeen
gering
---
arm
gemeen
gemeen
Gesin folw.
2
6
3
4
3
3
4
5
4
2
3
5
2
5
2
2
5
4
3
2
5
2
2
2
4
6
4
5
4
2
2
3
2
2
5
2
3
3
2
2
2
2
3
4
2
2
2
6
3
Bern
< 12
jier
1
1
1
1
4
2
2
3
4
1
4
1
3
2
2
4
3
6
2
3
3
2
1
Oanslag
(fl.,strs.,penn.)
80 - 03 - 0
160 - 07 - 0
80 - 16 - 0
80 - 01 - 0
70 - 11 - 0
35 - 15 - 0
75 - 06 - 0
75 - 03 - 0
37 - 03 - 0
12 - 03 - 0
22 - 17 - 0
16 - 13 - 0
54 - 13 - 0
40 - 01 - 0
22 - 01 - 0
20 - 13 - 0
70 - 07 - 0
40 - 01 - 0
60 - 17 - 0
25 - 09 - 0
67 - 19 - 0
35 - 14 - 0
25 - 09 - 0
25 - 01 - 0
65 - 15 - 0
75 - 18 - 0
30 - 09 - 0
80 - 01 - 0
45 - 03 - 0
20 - 11 - 0
30 - 11 - 0
54 - 11 - 0
14 - 13 - 0
22 - 01 - 0
60 - 18 - 0
25 - 05 - 0
26 - 05 - 0
16- 13 - 0
35 - 19 - 0
15 - 13 - 0
26 - 05 - 0
12 - 09 - 0
70 - 11 - 0
16 - 13 - 0
16 - 13 - 0
22 - 00 - 0
12 - 09 - 0
18 - 13 - 0
26 - 05 - 0
(1 Caroli gûne - neamd nei KAREL V. - is 20 stoeren en 1 stoer is 16 penningen. It wie de earste Nederlânske ienheidsmunt dy ’t ek yn in grut part fan Jeropa sirkulearde as wettich betelmiddel en in fêste rekkenienheid yn de boekhâlding. It deilean fan in fakarbeider wie by de ynfiering yndertiid ien stoer.)
De measte ynwenners fan BERLTSUM libben yn soberens of hienen in earmoedich bestean en betellen in stik minder oan belesting of (hast) neat.
Fan de administraasje fan de belestingpachters fan foar 1748 is neat bewarre bleaun. De offisjele registers (kohieren) fan nei 1748 binne in wichtige boarne foar ûndersiik nei it libben en wolwêzen fan ús foarâlden. Fanâlds waard it ynbarren fan belestings ferpachte oan de heegste bieder. Nei it saneamde “pachters-opskuor” waarden troch Deputearre Steaten fan Fryslân ûntfangers oansteld om de belestings te gearjen.
BARTHOLOMEUS CASPERS KLOK.
Ek fûn ik op dizze list (Quotisaasjekohier 1749 ek noch in Keimpe Reins, mr. linnenwever te BERLTSUM. Gesin: 4 folwoeksenen en 4 bern ûnder de tolve jier, omskriuwing earm, oanslach 14-13-00. It âldste bern t. w. in Kasper Keimpes Klok is berne te Harns en de oare bern te BERLTSUM, de data net bekend. Ik wit net of’t Kasper Keimpes (st. 8-10- 1772 te BERLTSUM) de efternamme Klok oan syn berop te tankjen hat. Wol wit ik dat syn pakesizzer Bartholomeus Caspers Klok, berne te BERLTSUM op 21-9-1759, horloazjemakker wie te Harns. Hy wie op 4-6-1781 te Harns troud mei in Maartje Klaases van der Vleugel. Út de L. C. blykt dat Dr. P. J. Mebius in hûs ferkeapet oan de saneamde Spekmerke te Harns troch Bartholomeus Kaspers KLOK cum uxore as hierders bewenne oant 12 maaije 1786 ta. Bartholomeus Caspers Klok syn broer Casper Caspers nimt de efternamme POST oan, hy is ek berne te BERLTSUM yn 1761, ik mei oannimme neidat syn heit Casper Keimpes ferstoarn is.
BOTE BARTELS KLOK.
Yn 1723 wie der ek in oerwurkmakker Bartholomeus Wybrens (Snijdelaar) út BERLTSUM, yn 1729 troud mei in Rinske Botes fan Ljouwert ôfkomstich. Hja hawwe trije bern t. w. in Liesbeth, in Bote en in Wybren. Dizze Bote Bartels, op 30-11-1777 troud mei Rigtje Salvus, neamt him ek KLOK. Quotisaasje kohier 1749, Menaldumadeel Omskriuwing: Gezin: Bartel Wybrens, BERLIKUM, 5 folwoeksenen. Oanslach 32-05-00 (L. C. 5-4-1760 Boelgoed ten zijnen sterfhuize.)
.........................................................................
DE EURO
Sûnt 1 jannewaris 2002 hiene wy de oergong fan de gûne nei de euro. Alhoewol’t nammen fan munten yn alderhande siswizen faak noch lang yn de taal hingjen bliuwe, sil in oantal wurden no út de deistige taal ferdwine. De sint, de stoer en it dûbeltsje sille wol oerlibje foar 1, 5 en 10 eurosinten. It wurd ‘sint’ komt fan it Frânsk ‘centime’ en tsjut in hûnderdste part oan. Ús wurd ‘stoer’ is besibbe oan it Hollânsk ‘stuiver’. It komôf is ûndúdlik. As in ‘kwartsje’ it rêdt as oantsjutting fan 20 eurosinten haw ik op in pypfol. Mar de wurden ‘gûne’ en ‘ryksdaalder’ kinne echt ôfskreaun wurde. De âldste Fryske munten wurde yn ‘e regel ‘sceatta’ neamd. It giet om munten dy’t brûkt waarden yn de tiid fan de Fryske hannel yn de 7e en 8e ieu. It is eins in sammelbegryp foar munten út Fryslân, Ingelân en Skandinaavje. Oarspronklik is it Âldingelsk foar ‘jild’ en it is besibbe oan ús wurd ‘skat’. Mar yn de moderne argeology wurdt it as in Latynsk wurdt beskôge mei in Latynske meartal op –a (tink oan ‘musea’, ‘data’), en op syn Italjaansk útsprutsen: sjatta. Fansels moatte wy de gûne efkes neame. Dat wurd komt fan Âldfrysk “goldene’ en tsjut in goudene munt oan. ‘Goldene’ waard ta ‘goudne’ en doe fierders ta ‘goune’. De útspraak ‘gone’ komt noch altyd yn in grut part fan it taalgebiet foar. Ferlykje mar ris mei de útspraak fan it wurd foar ‘hûn’; ek dêr hearre wy wol ‘hoon’. De ‘Floryn’ is ferantwurdlik foar de ôfkoarting ‘f’ (‘fl’) foar gûne. De munt is neamd nei it plak dêr’t er wei komt, nammentlik Florence. It wurd ‘daalder’ is besibbe oan it Amerikaanske ‘dollar’, mar komt oarspronklik út it Dútsk. Yn it plakje Sankt Joachimstal (tsjintwurdich yn Tsjechië) waard yn 1516 in wichtige sulvermyn iepene. Fan dat sulver waarden munten slein: de ‘Joachimstaler’. De ‘ryksdaalder’ is in spesjaal soarte fan daalder mei in ferhege wearde. It âlde wurd ‘skelling’ is ôflaat fan it wurd ‘skild’ os ‘skeld’. Wy fine it werom yn it âldfryske wurd ‘klipskilde’: betelling yn klinkende munt. Yn it Frânsk wie it de ‘écu’ wurden – de muntsoarte fan Loadewyk XIV – dat as foargonger fan de ‘euro’ brûkt waard as ôfkoarting fan ‘european currency unit’. Krekt om’t ecu ek in âldFrânske munt wie, wie de namme net akseptabel foar de measte oare lannen foar de definitive munt. De namme ‘euro’ wie de minst belestige namme en de meast foar de hân lizzende namme dy’t jo betinke koene foar in Europeeske munt. De Ingelsken dogge noch net mei oan de euro. De namme fan it Britske pûn tsjut op it oarspronklike gewicht (409 gr) yn sulver fan de munt. De namme is ôflaat fan it Latynske pondus ‘gewicht’. It wie de basis fan de wichtige muntherfoarming fan Karel de Grutte, ferlykber mei dy fan de euro no. It Ingelske stelsel mei ‘pound’, ‘shilling’, ‘penny’ wie dêr altyd noch fan oer.