BERLTSUM wie eartiids net allinich in túnkersdoarp, it wie ek in hôfkersdoarp.
De measte ynwenners hienen fruchtbeammen om hûs stean. In soad appels en parren koenen bgl. bewarre wurde as winteriten lykas dat ek barde mei oar winteriten lykas ierappels, bewaarkoal, winterwoartels, sypels (“Berltsumerspek”) etc. Hjir wennen ek minsken dy ‘t, al as net yn kombinaasje mei it túnkjen, as beamkweker of intenier bekend stienen. Ien fan dizze inteniers wie bygelyks Andele Willem ’s Boomsma, berne om 1720 hinne as soan fan Willem Lolkes, gernier te BERLTSUM, berne om 1675 hinne. Syn âldste broer Lolke, ek hôfker, wie om 1715 hinne berne. It is maklik te rieden wêrom ’t hja de skaainamme Boomsma (Boomstra) yn 1811 oannommen hawwe. In protte oare Berltsumers hawwe it wurd “hof “ yn ’e efternamme. Tink mar oan Schiphof, Appelhof, Spoelhof, Hofstra, Hofma. Sa kinne wy ek lêze by it ferstjerren fan ’e heit fan Andele Lolkes, boaske mei Janke (Anske ’s) Posthumus, t. w. Lolke Meinderts, troud mei Trijntje Sjoerds, dat syn trije soanen Willem, Sjoerd en Andele (Boomsma) bekend meitsje: “dat zij als voormaals bij leven van wijlen hun vader en moeder nog een groote Enterij en allerhande soorten van boomen hebben, en nog van tijd tot tijd aankweeken, dezelve presenteeren te verkoopen, een grote meenigte Yperen stamboomen van 5 à 7 tot 10 duims dik, en ook regt lang en mooi dezelve voor een zeer lage prijs, ook een partij Lindeboomen, Castanje, Kwyna en Eskenboomen regt mooi en lang van 5 à 9 tot 12 duim dik etc. etc. Hoog en halfstamde appelboomen, Pruime- en Kerseboomen, zoete en zure soorten, Kruisbesboomen, roode, witte en geele beyboomen. We beloven een prompte behandeling en deselve kunnen Saturdags worden gesproken te Leeuwarden op de Kelders, alwaar het Berlikumer schip aan wal legt, en in het Voorjaar op de Lange Piip bij de Waag , al waar deselven dan met boomen staan”.
Dit wie yn it jier 1779, itselde jier dat de nije Koepeltsjerke oplevere waard en yn gebrûk nommen is. Letter yn 1784 makke Minne Klaases, “woonagtig tot BELKUM” bekend: “dat hij de geheele Boomkwekerij, zodanig als die voormaals door wijlen zijn oom Jacob Douwes is geëxerceerd, en bij deselfs Weduwe is gecontinueerd, nu van dezelve Weduwe is overgenomen. Tot de enterye behorende Appel, Peere, Kerse, Pruime, Aprikoos, hooggestamde, middensoorten en laage-stamde, Espalié e. a. voorts Linden,Ypere flammen en veeren, Essen, Hagedoorn, ook roode beijen, witte, swarte en Kruisbeyboomen, Trosbeyen, Spiegelbeyen etc. Deselve maakt bekend, dat hij het aanstaande voorjaar alle Dingsdagen met zijn boomen te Sneek op de Boomenmarkt gedenkt te staan”. Troch de hoven rûnen de leanen, lykas de Voorstelaan (no Hôfsleane), de Middelstelaan (no de Mulseleane) en de Achterstelaan (no de Kwekerijleane - Sybren Lautenbachstrjitte (straks in plein) en it leantsje de Achteopfeart bylâns nei it Achtepaed). Dwers dêrop stienen de (dwers) paden of reden, no bekend as de Jac. van Tuinenstrjitte, de Nijebuorren en de Túnboustrjitte. De Poepedyk (oarspronklik begjinnende tusken de huzen it Skil 12 en it Hemmemaplein 2) en dan oergeande nei it saneamde Menamerpaad. Dan wie der noch de prikkereed (ek wol skreaun as preekersreed). Dizze reed wie ek flakby in Enterye. Dizze reeden behearren ta de saneamde “knuppelwegen/paden”) en rûnen vaak troch wat leger (weazich) lizzend lân. Sa wienen der hea– mied- en prikkereden. Mei de saneamde prikken (de rjochte meastal wilge takkebosken) waarden eartiids de modderpaaden begongber makke troch de wat peaziche omkriten. Ek waarden fan prikken faak dammen oanlein troch sleatten dat dan ek it sleatswetter gewoan trochstreame koe. Tink mar oan de namme Prikkendaam dy ’t de namme ûntliende oan de takkenbrêge oer de rivier De Tsonger tusken Hoornstersweach en Twitel. Dêr waarden yn myn jonge jierren faak autocrossen holden.
Dat de interijenearring al hiel âld is yn BERLTSUM blyk ek doe ’t de “Oude Enterij” in gebrûk bij Lolke Meinderts (Boomsma) yn it iepenbier ferkocht waard yn 1772. Willem Meinderts (Boomsma, troud mei Neeltie Gosses) hat oant 1782 ek brûker west fan it hôf “de Fûgelsang” wêr ’t de C. B. S. syn namme no oan te tankjen hat. Dit hôf wie destiids eigendom fan de Herfoarme Diakonije, dy it letter op lêst fan de Steaten fan Fryslân ferkeapje moasten. Fan in neikommeling t. w. Lolke Andele ‘s Boomsma, de soan fan Andele Lolkes en Janke Anskes, is in berteleppel bewarre bleaun. Hy wie berne op 7-9-1784, doopt op 26-9-1784 en stoarn op 24-11-1822 en yn 1804 troud mei Ettje Gatses. De foarheit fan de Berltsumer van Schepen ’s t. w. Yme Daniëls (van Schepen) is û./o. ek hierder west fan dit hôf. Cornelis Eeltjes Schiphof wie yn 1843 beamkweker, gernier en keapman. Syn pake mei deselde namme, boaske op 29- 8-1773 mei Hiltsje Sikkes, wennen ek al yn BERLTSUM. No wurde wer de âlde beammerassen plante by it âlde Hemmema. It is moai dat Matthé van Hout mei syn kornúten dy âlde rassen werom bringe wolle yn BERLTSUM. It is jammer dat it fak fan túnker en hôfker foar in grut part út BERLTSUM ferdwûn is. Fan geslacht op geslacht is dit fak altyd trochjûn. It wie ien grutte hôfkers - en túnkersfamylje hjir yn BERLTSUM.
Hja wienen ek hast allegearre oan inoar besibbe. Dit blykt allinne al oan de foarnammen, lyk as bygelyks Eeltje, Minne, Theunis etc. (Hast) allegearre de Berltsumers mei de namme Eeltje (Ealtsje) binne ôfstammelingen fan Eeltje Schiphof, destiids skipper en hôfker fan berop. Fandêr miskien ek de namme Schiphof. Of is ien fan de foarfaars ek eigner west fan it lân mei de namme “It Skiphôf” dat oer it Berltsumer Wiid lei ûnder Minnertgea ? Yn ús doarp wennen in Eeltje Dedde ’s Appelhof in Eeltje Lautenbach in Eeltje Osinga en no noch komt de namme hjir foar yn ús doarp. Inkele hôfnammen fan eartiids binne: de Spijskeamer, it Ybeltsjehôf, it Smidshôf, it Keningshôf, it Earmehôf, it Grienehôf, It Berghôf, de Fûgelsang, de Kokentún, It hôf op de Kamp, it Annahôf, it Sjoukjehôf, It Jonghôf, it âldhôf, de Bargekop (wie ek hôf) ets.
Ik wol noch ien intenier neame nl. Gauke Ages. Hy wurdt yn 1799 neamd in “voornaam old entenier tot BELCUM” dy ’t ferskate beammen ferkeapet. As Gauke Ages (troud mei Hendrikje Lammerts de widdo fan Willem Jansz. Blomsma (Blom), hjir yn BERLTSUM destiids keapman en wolkjimmer, de broer fan de kúper Claes Jansz (Kuperus) ) ferstoarn is, wurdt yn 1800 de affaire van intenier fuortset troch Cornelis (Knilles) van Gelder Jr. en ek hy stie altyd yn it foarjier mei beammen efter en by de Waech yn Ljouwert lykas syn foargonger die. Hy is famylje fan de lêste noch yn BERLTSUM wenjend hawwende Cornelis Sijbren ’s van Gelder, dy ’t oan it ein fan de 20e ieu eltse wike noch nei Ljouwert ta reisge om op de Berltsumer merke (* Foarhinne de Huisumer Suupmerk oer de Waeze) dêr syn hannel te ferkeapjen. Hy wenne yn de Ramshoarnstrjitte, doe noch de Smidsteech neamd. Hy wie boaske mei Tryntsje Veldstra. No wienen it gjin beammen mear, mar jirpels en oare grienten. In protte (âld) Berltsumers hawwe him noch wol kennen, ûnder oare ik. Jan Willem ’s Spoelhof syn widdo, Eelkje Joh. Osinga, lit yn 1836 boelguod hâlde fan in beamkwekerij. Hy wie neist beamkweker ek túnker. De Spoelhof ’s hienen in protte hôf en lân yn gebrûk yn en om BERLTSUM hinne wêrûnder “It Berchhôf ” fan it eardere Hemmema. Rein Willem ’s Spoelhof, berne om 1722 hinne, boaske mei Lysbeth Freerks en ferstoarn op 5-2-1807 wie hjir ek al hôfker en keapman. Neidat yn 1832 de grutte strjitwegen Ljouwert - Marsum (dêrnei de mac-adam-wei yn 1842 pas rjochting Harns), - Grins en - Swol oanlein binne wurdt de beambeplanting op in hiele protte plakken oanbesteege wêrûnder yn BERLTSUM by de beide herbergen. Hjir sille de enteniers fan BERLTSUM ek wol op ynskreaun hawwe. De mei beammen beplante Harnzer, Grinzer- en Oeriselsestrjitwei behearren ta de doe saneamde “Groote wegen der 1e klasse”. In protte fan dizze no âlde strjitwegen binne sútelwegen wurden. De kontoeren (beame rigen) binne no op guon noch yn it lânskip te sjen lykas by Marsum, wêr ’t de strjitwei earst troch it doarp rûn en wêr ’t dêrnei yn 1937 in rûnwei om Marsum hinne lein is. Dizze wei is no de sutelwei nei Menaam ta neist de wer gruttere letter oanleine A 31.
(* De Huisumer suipmarkt (hannel yn sûpe (karnemelk) is nei 1845 alhiel ferdwûn. Hjir wurdt dan de wyklikse jirpelmerk hâlden en is dan bekend as de Berlikumer markt. Ûnder de ôffar-adressen fan ‘e beurtskippers (sûnt 1843 oanjûn yn de Provinsjale Almanak) komt ek foar: Berlikumer markt by de Waeze C 283 (= Berlikumer Markt). Yn de oanwizing fan lizplakken (printe yn 1755 en 1785) binne de skippen foar BERLTSUM ek al te finen.
L. C. 21-9-1782.
Willem Andeles (Boomsma) wonende te BERLIKUM, adverteert dat bij hem in de plaats van zijn Oom Willem Meinderts zijn te bekomen alderhande zoorten van Kweek Boomen , zo van Linde Stammen als van Stam - Ypen en ook mooije Jonge Esken - Boomen en Feer - Ypen om Hagen van te planten zoo Breedblad als Fyne Ypen en nog allerhande zoort van Kweek Boomen en nog allerhande zoorten van Appel en Peer - Boomen zoo half stamde als lage. etc. ...... ......
(De beamkwekers Willem - en Lolke Meinderts wienen in omke fan Willem Andeles (Boomsma.)
L. C. 2-11-1754.
Lolke Meinderts, Willem Meinderts en Gauke Ages, (troud mei Hendrikje Lammerts), alle enteniers te BERLIKUM, praesenteren uit de Hand te verkopen 1000 Lindebomen van 6 tot 10 duim dik en van 10 tot 20 voet hoog en verder alle Bomen tot mantels en hagen te maken; mitsgaders ook allerhands Vrugtbomen. Wie genegen is te kopen, kunnen zig addresseren aan de bovengemelde te BERLIKUM.
(Op 14 april 1786 wurdt te Lollum doopt op belidenis een Lolke Meinerts, fan berop mr. Bakker en te BELKUM (Berlikum) berne op 16 oktober 1756. Hy is de soan fan Meinert Lolkes en Rinske Sijmens en soe in pakesizzer wêze kinne fan de hjirboppe yn de L. C. fan 26-10-1754 neamde Lolke Meinderts (BOOMSMA). Yn 1677 blykt hy nei de 3e proklamaasje op 3-6-1677 te Minnertsgea troud te wêzen mei in Lysbeth Lolkes. Tegearre binne se dêrnei mei attestaasje nei BERLTSUM gien. As Lolke syn soantsje Meindert op 2-4-1786 dope lit, blykt hy troud te wêzen mei in Klaske Douwes en wurdt dan mei de efternamme HOFSTRA neamd. (Dizze efternamme omdat hy út in Berltsumer hôfkerssibbe kaam ? In Meindert Hibbes Hofstra wie om 1839 hinne ek hofker te Snits. *) Ien fan myn foarpakes t. w. in Hibbe Meinderts Hofstra, ôfkomstich fan Snits komt út dizze sibbe. Syn soan Simon Hibbes Hofstra, fan berop timmerman, wie yn 1825 troud mei Cornelia Ruurds van Akkeren en hja wennen beide yn Snits. Ruurd Pieters van Akkeren (1774 - 1849) wie op 24-5-1801 te Snits troud mei Sjoukje Pieter Rinnerts Drost ôfkomstich fan Makkum, en wie dêr as klokkemakker eigner fan in winkelpân te Snits. Tijtje Simon Hibbes Hofstra, doe tsjinstfaam te Dronryp, wie op 16-11-1861 troud mei Arie Gysberts Guldemond, fan berop timmerfeint te Dronryp (oarspronklik berne/ôfkomstich fan Koudekerk aan de Rijn (Z. H.) / Leimuiden as soan fan Gysbert Guldemond en Maria van der Spek) en hja wennen letter te Menaam. It binne de foarâlden fan myn mem Trijntje Jans Guldemond, berne op 18-11-1911 te Menaam en op 15-6-1944 te Menaam troud mei Hendrik Watses Posthumus fan BERLTSUM, widner fan Hiltje Andriesdr. Hiemstra)
*) Fuotnoat: Meindert Hibbes, in broer fan Simon Hibbes Hofstra, hat ek meifjochten yn de 10-daagse oarloch tsjin België yn de slag by Roosbeek tusken Thienen en Leuven op 12-8-1831.
L. C. 24-8-1782.
Dr. Joh. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, zal op Maandag den 2 September 1782 by de eerste schryvinge, den 9 dito by de Verhoginge, en den 16 dito by de Provisioneele Palmslag ‘s nademiddags om twee Uur praecys, ten huize van Hendrik Huyvingh, Castelein te BERLIKUM, publyk by Strykgeld verkopen: navolgende VASTIGHEDEN gelegen aldaar: I. Een Huizinge en Schuurtje met een klein Hofje, sampt Bomen en Plantagie cum annexis, staande en gelegen tot BERLIKUM, by Willem Andeles in gebruik tot den 12 May 1783, bezwaart met 1 Floreen. II. Een Huizinge en Schuurtje met Hof geleegen aldaar, by Jan Minnes in gebruik tot den 12 May 1783, vry van lasten. III. Een groote Hovinge, Bomen en Plantagiën aldaar met schoone Vrugtbomen beplant, een klein Huisje, aan elkander gelegen, te zamen in één perceel, het Hof is by wylen Willem Meinderts (Boomsma) in gebruik geweest, en de Huizinge by Harmen Fransen Wed. dog beide op den 12den May 1783, vry van huringe. IV. Een Vierde van 5 Pondematen Hoven met alle geboomte daar in en omme staande “De Vogelzang” genaamt, gelegen in voorz. Dorpe, in gebruik geweest by Willem Meinderts, den 12 May 1783, vry van huringe.
Dr. Joh. Mebius út súpra,
zal op Dingsdag den 3 September ‘s morgens 10 uur praecys, ten Sterfhuize van Willem Meinderts tot BERLIKUM by BOELGOED verkopen: Veelerley zoorten van Meubelen en Huisgeraden, bestaande in een Cabinet, Kleerkast, Spiegels, Stoelen, Tafels, 2 Bedden, eenige Schilderijen en Hofkers-Gereedschappen, Porcelein, Linnen en Wollen, Mans- en Vrouwen- kleeren, sampt Koper en Tin, en wyders wat ten dage der verkoopinge te voorschijn zal worden gebragt.
L. C. 11-12-1835.
HEDEN overleed, na eenen zwaren val, en eene daaruit gevolgde sukkeling van negen weken, mijn waarde Man, JAN WILLEM ’s SPOELHOF, Boomkweker alhier. Ruim 4 jaren met hem in den Echt vereenigd, betreur ik, in zwangeren staat, met mijn driejarig Zoontje, het verlies van Man en Vader.
BERLIKUM, 4 December 1835.
Eelkje Joh. Osinga,
Wed. J. W. Spoelhof.
L. C. 23-6-1885.
Na een ongesteldheid van ruim zes weken overleed heden morgen, in den ouderdom van 73½ jaar, mijn geliefde echtgenoot en mijner kinderen onvergetelijke vader GAADSE LOLKE ’s BOOMSMA, met wien ik 49 jaren in den gelukkigen echt mocht vereenigd zijn.
BERLIKUM, den 20 juni 1885.
Rinske A.(nske Anske ’s) Posthumus. (Postma)
wed. G. L. Boomsma.
(Dit is de pake fan de persoan wêr’t de G. L. Boomsmastrjitte nei neamd is. De Anskereed is neamd nei Anske Anskes Posthumus (of nei syn pakesizzer Anske Gâtzes Boomsma ?, beide binne bouboer west op de eardere tsjerkepleats). Anske Anskes, berne op 10-3-1778 te Sint Anne (ûnder BERLTSUM ?) wie troud mei Sjoukje (Dirk Feijes) Stienstra, berne op 19-12-1775 te Sint Anne, en hja wenne destiids op no it Hemmemaplein húsnûmer 2.)
L. C. 14-3-1834
De ondergekende, benoemd als voogd over de minderjarige kinderen van wijlen Anske Andeles Boomsma en Hiske Luitjens Westra, in leven echtelieden te BERLIKUM, beiden in de maand Februarij 1834 overleden, en als zoodanig de Nalatenschappen aanvaard hebbende onder benifici van Inventaris, verzoekt al diegene welke in diens Boedel iets schuldig is, of te vorderen heeft, aan hem hiervan betaling en opgave te doen voor of op den 15 Maart 1834.
BERLIKUM den 3 Maart 1834
K. K. van Gelder.
Eenigste kennisgeving.
L. C. 27-4-1782.
Dr. J. Mebius, Secretaris van MENALDUMADEEL, zal op Woensdag den 1 ste May 1782 ‘s morgens om 10 uur ten huize van Olphert (Olphert ’s) Posthumus (tr. mei Janke Jarigs) in de Buuren (BERLTSUM) bij boelgoed verkopen: Meubels en Huisgeraden, Kast, Kabinet, Linnen, Wollen, Hofkersgereedschappen en hetgeen ten dage der Verkopinge meer te voorschijn zal worden gebracht.
L. C. 15-1-1891.
GEVONDEN te Leeuwarden een zilveren cilinder-horloge. Terug te bekomen tegen betaling der advertentie, bij J.(ouke Jurjen ’s) Posthumus, koperslager te BERLIKUM.
(Syn heit Jurjen J.(urjens) Posthuma (Posthumus) wie ek koperslagger en wenne as hierder yn de Krússtrjitte húsnûmer 3. Hûseigner wie de Berltsumer wolkjimmer Fokke Willems Fokkens. De sibbe komt fan Dokkum.)
L. C. 21-11-1870.
De notaris S. Posthumus te Giekerk, zal op woensdag den 30-11-1870, des avonds te zes uur, ten huize van S.(joerd) A.(uke’s) Tolsma te BERLIKUM provisioneel verkopen. Een ruime huizinge en florisante Bakkerij, met bleek en erf ca. staande in het Gebuurte (de Buorren húsnûmer 71) Kad. de no ’s A 616 en 617 gr. 3 roede 53 el. Vrij te aanvaarden den 12 mei 1872, als zijnde tot dien datum in huur bij A.(nne) M.(eiles) van der Meulen voor fl. 150, - in het jaar boven alle lasten.
(Foarhinne wennen hjir Sijberen Hanses en Hans Sijberen ’s Faber, beide mr. bakker. Letter wennen hjir û. o. Sjoerd Rinse ’s Peterzon (Sjoerd en Trijn) en syn lettere opfolger Hendrik Plekkringa (tr. m. Baukje Kingma) mei in elektrowinkel (wytguod) en ynstallaasjebedriuw.)
IT DONGJEN.
Dong (fan fee, plomfee etc.) waard sa folle mooglik op eigen tún of hôf brûkt. Keunstdong kaam pas yn it begjin fan de 20e ieu op de merke. Sa koenen no ek de earme sângrûnen ta ûntwikkeling komme. (De Fryske wâlden, Drinte, de Feluwe etc. De doe saneamde “earme heide”.) By it ferhieren fan pleatsen waard hast altyd bedongen dat de dong op de by de pleats behearrende stikken lân brûkt wurde moast. De túnen deun om BERLTSUM hinne wienen hast altyd it bêste bedonge. (om mei in kroadefol dong einen te rinnen wie ommers net te dwaan) In protte Kleasters en States holden der dowen opnei om de stront op harren túnen te brûken. Dowedong is lang sa skerp net as hinnedong en dus fierwei de krêftichste dong. Ien do lit sawat 2½ kilo yn it jier efter op in dowetil. Foar de aardichheid: Gean ris nei it doarpke BOER ta. Dêr binne boppe yn de topgevel fan it âlde Pastoarshûs, fan om plusminus 1540 hinne, noch seis dowegatten te sjen. Yn BOER stiet it âldste stiennen wenhûs fan Fryslân, it krekt saneamde Pastoarshûs.