It kaam yn BERLTSUM, krekt as yn alle oare doarpen, noch alris foar dat de doarpsomropper Hisse Feike ‘s Brouwer, en noch wer earder wie it Rinse Douwe ’s van Wigcheren, mei de skille it doarp trochstjoerd waard om de doarpsgenoaten op te roppen om nei ien fan de fjouwer slachters te gean, dy ‘t BERLIKUM ryk wie. De slachter dy ’t oan’e beurt wie hâlde de needslachting, nei it goedkarren fan de karmaster fan it fleisguod. Der wie wolris in ko bist dat ûnferwacht dea gie of in poat briek en dêrom ôfmakke waard. It is ek al ris foarkaam, dat in hynder ûnder de trein rekke tusken BERLTSUM en WIER. Dan wie it werris foar in kear hynstefleis wat yn de oanbieding wie. Omdat de heiten op it wurk wienen en de memmen it meastal nochal drok hienen mei de doe noch faak grutte húshâlding, waard meastal de âldste of yn elts gefal ien fan de âldere bern der op útstjoerd mei in amerke oan de earm om in wat grutter poarsje fleis op te heljen as gewoanlik. Der waard dan fakentiids mear fleis ôfnommen omdat it fleis dan in stik goedkeaper oanbean waard.
As it jongfolk hearde fan dit omroppen wienen hja, as it mar efkes koe, net thús of waarden stikem wei. In healoere of langer yn de rige stean mei in amerke wie mar neat en duorre foar it bernegefoel somtiden wol oeren. Hieltyd mar wer in eintsje opskowe nei de doar fan it slachthûs ta. Boadskiprinne wie foar de measte bern in straf en men moast hast altyd wol lang wachtsje om oan’e beurt te kommen, want alles gie noch oer de toanbank en mei rinnend jild.
Mar op de dagen dat regulier slachte waard, wie it krekt oarsom. Dan stienen de bern deun by de slachhûsdoar om it revolverskot hearre te kinnen en te sjen hoe de ko omfoel en slachte waard. Wienen it einen of hinnen dy ‘t slachte waarden dan wie it fjochtsjen om de eine of hinne-poatsjes. Dy koenen bewege wurde as jo oan de sinen lútsen. Yn de húshâldings hienen hja doe noch gjin kuolkast, lit stean in friestkast of -kiste. De froulju dienen dêrom dan ek harren deistige boadskippen, foaral as it om fleisguod, it deistige brea en bôle gie. De slachter hie net altyd de mooglikheid om de deade bisten yn in kuolromte op te bergjen en as der dan ûnferwachts ek noch in ekstra dead bist by kaam, dan wie it saak om dit deade bist, sa gau as mooglik wie, wer kwyt tsjin te reitsjen middels in needslachting.
St. ANNA PAROCHIE. L. C. 19- 1-1897.
De honden, die in de vorige week hier zoo vreeselijk in eene kudde schapen huis hielden, zijn ter voorkoming van verdere ongelukken doodgeschoten. De schapen zijn geslacht, deels hier, deels te BERLIKUM. De schade, die vrij aanzienlijk is, komt, nu de eigenaar der honden niet in staat is de schade te vergoeden, voor de eigenaar der schapen op.
(Wêr binne de hûnen bedarre? Berltsumer hûnefretters?)
Út: VERZAMELING van spreekwoorden, gezegden en anekdoten ets. samle troch Paulus Cornelis Scheltema, útjûn te Frjentsjer by G. Ypma (1826).
BERLTSUMER hounefretters. — verklaring:
Deze naam, blijkens 700 jaren oud, wordt de bewoners van het Vriesche dorp BERLIKUM nog nagehouden. Dezelve is afkomstig van het jaar 1182 toen BERLIKUM door een zwaar onweder voor een groot deel afbrandde, terwijl de overige huizen door de NOORMANNEN vernield werden. De ellende en hongersnood steeg destijds zoo hoog, dat men genoodzaakt was de honden te slagten en op te eten.
(It meast foar de hân leit, dat de twa opsteande wynhûnen yn it Wapen fan de sibbe Hemmema hjiroan ten grûnslach lizze.)
L. C. 2-2-1963.
Hounen of hountsjes waerden alearen de lju fan BERLTSUM en Peazens neamd en by âlds wie it genôch om yn BERLTSUM in byljend (blaffend) lûd hearre te litten om fuort slaande deilis to wurden mei it jongfolk. Mar de Berltsumers hiten ek wol hounefretters, lykas de Geastmers (mei dy fan guon oare doarpen) foar hounewippers weiset waerden. De hounewipperij wie alearen op ‘e Geast in wreed folksfermeits dat neamd wurde kin neist it kattekneppeljen.
SELSSPOT:
Wy hawwe hjir no yn BERLTSUM ús Berltsumer hûntsje en pluttersplak “it Hûnenêst.”
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE LOTTO.
Fraach:
Wêrom spilet ús toskedokter Tsjeard de Vries, hjir fan de Hôfsleane op húsnûmer 40, net mei yn de Lotto?
Antwurd:
Hy makket sa wat sa by eltse “trekking” wol winst.
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
NET BANG FOAR DE TOSKEDOKTER
Komt in man út de Nijebuorren by toskedokter Tsjeard de Vries wenjende oan Hôfsleane op húsnûmer 40.
Hy begjint te kreanjen en “au” te roppen.
De toskedokter: “Jo lizze noch net ienris yn de stoel en jo begjinne al ...................“
De man: “Dat wit ik, mar jo steane op myn tiennen.”
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 11-12-1959.
DENTAL CARAVAN tandarts-kliniek op twee wielen.
Tandbederf bij de Nederlandse jeugd is ontstellend groot. In de gemeenten MENALDUMADEEL, Baarderadeel, Hennaarderadeel en Franekeradeel zal de jeugd, die de lagere scholen bezoekt, duchtig aan de tand worden gevoeld. Deze vier gemeenten, die samenwerken in de Stichting Schooltandverzorging, district Menaldumadeel, hebben namelijk de beschikking gekregen over een “dental caravan” (troch ús destiids de “toskekarre” neamd), waarmee de vrouwelijke schoolarts die tevens tandarts is, op stap zal gaan ........ ....... Dokter Kwast van BERLIKUM, die uit naam van een paar samenwerkende ziekenfondsen het woord voerde en tevens sprak als medicus, achtte preventieve geneeskunde van groot belang ....... ........ eigenlijk moest men, zo vond hij, reeds bij kleuters beginnen met de contrôle op de gebitten. Hij had nog de toestand gekend in zijn artsenpraktijk, dat mannen en vrouwen PAS GINGEN TROUWEN als ze al hun tanden hadden laten trekken en een kunstgebit hadden gekregen ........ ........
(Foto: De skoaldokter iepent offisjeel de “dental caravan” (fan KIP) fan de gearwurkjende gemeenten.)