Alle doarpen hienen stimhawwende pleatsen. “BERLTSUM is SELDSUM”, wurdt der dan wol ris sein. Yn dit gefal is BERLTSUM wer Seldsum. Ús doarp hie neist stimhawwende pleatsen ek in grut tal fan stimhawwend huzen. It stimmen wie in yngewikkele saak. Om koart te gean: De Doarpen keazen by mearderheid fan stimmen, de Gritenijen by mearderheit fan fan doarpen. In mearderheit fan lytse doarpen koe dus altemets de grutte doarpen oerstimme. De persoan mei de measte stimmen krige sa de measte macht. It wie dan ek saak om safolle as mooglik wie, stimhawwende pleatsen en huzen yn besit te krijen. Hiel wat pleatsen en huzen wienen dan ek yn it besit fan de ealju kommen. Hja hienen ommers it measte jild. Dit stimrjocht wie dus net persoanlik mar de ponge spriek. Hjir yn MENAMERADIEL wienen dat destiids, krekt as yn hast al dy de oare Gritenijen, dan ek de ealju dy ‘t it foar it sizzen hienen. De lêste Grytman út dat fermidden wie hjir Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg. De measte grutgrûn-besittende boeren koenen it noch ta assessor (bijsitter) bringe. Yn doarps- en tsjerke oangelegenheden hienen dizze minsken in grutte finger “in de pap”, of oars sein op syn Frysk: “hiel wat (in protte) yn de brij te krommeljen”. As de boargemaster bgl. troude, jierdei hâlde, of ferstoar, as der bern yn syn gesin berne waarden of trouden, dan kaam hjir yn BERLTSUM en yn alle oare doarpen fan MENAMERADIEL de flagge op de toer. De flagge waard fakentiids hierd. Der wie earbied foar dy lju en hja stienen yn heech oansjen. By it útdielen fan banen (amten) wie fakentiid de meast beteljende man keapman. De lytse man hie net folle te sizzen. As der stimd wurde moast sawol yn sivyle as yn tsjerklike saken dan wienen de stimmen fan de lytse lju tige wichtich foar de “grutte man” yn doarp of tsjerke. Dit is hjir yn BERLTSUM ek bard. Men woe dan graach by it gewoane folk yn de geunst komme troch it alderhanne net altyd troch de bûgel kinnende “saken dwaan” It Fryske wurd hjirfoar is it saneamde “kûpjen”. Der binne hjir sa ek dûmnys keazen en H. H. tsjerkfâden. Tink mar oan it ein fan de 19e ieu, wat in protte reboelje jûn hat. Sels yn de 20e ieu noch waard, tsjin de ferkiezingtiid oan, mei de arbeiders in praatsje holden en dan wie it: “In sigaarke”? “Tinkst straks, as it safier is, ek efkes oan my.”
Yn ‘e santjinde en achtjinde ieu wienen de Grytmannen sûnder mis de machtichste reginten yn FRYSLÂN. Dy foar it libben keazen rjochters en bestjoerders waarden fan de tritich platte-lânsdistrikten ornaris foar harren Gritenij ôffeardige as folmacht nei de Lândei, de gearkomste fan de Fryske Steaten. Mei trije fearn fan ‘e stimmen foarmen hja de mearderheid yn ‘e Steaten. As Grytman en as Folmacht waarden hja keazen troch de eigners fan sa likernôch 10.000 stimhawwende pleatsen. Foar de machtsposysje fan de Grytman en syn famylje wie dêrom it grûn– en pleatsen stimme besit tige wichtich. Yn BERLTSUM hie de Grytman, bûten de pleatsen om, ek in protte stimhawwende HUZEN (wat foar Fryslân útsûnderlik wie, BERLTSUM wie dus wer tige ‘seldsum’) yn syn besit krigen, it gie om de stimmen, net om it hûs. De situaasje yn FRYSLÂN wie dêrtroch alhiel oars as yn oare Provinsjes fan ‘e Republyk en se spilen yn ‘e boargerlike elite de earste fioele. Nearne wie it elektoraat sa grut as yn FRYSLÂN. Der binne stimkohieren bewarre bleaun fan 1640, 1698, 1758 en 1788.
Troch in tanimmende konsintraasje fan stimmen by in beheind tal famyljes en troch de foarming fan stimme-monopoalje ûntstienen der yn ’e rin fan ‘e santjinde en achtjinde ieu echte grytman-dynastiën. Alles waard ûndernommen om de stimmen binnen de generaasjes te konsolidearjen en de lukrative amten dy ’t op ‘e Lândei ferjûn waarden waarden ûnderinoar ferdield.