BILTKERS WURDE BERLTSUMERS

Fan âlds behearde de Noardkant fan de Biltdyk, de troch de Berltsumers saneamde “âlde wrâld”, (de “âlde weareld”), dit is it gebiet by de Singel oan de N. E. side, by de gemeente it Bilt. De adressearing wie altyd bgl. oan Jabik Weyer: De Singel, Sint Anne ûnder BERLTSUM. Oan it Molkfabryk oan de Bitgumerdyk, ek wer: te Sint Anne ûnder BERLTSUM. By de lêste gemeentlike weryndieling is de grins fan MENAMERADIEL nei it Noarden ta opskood en behearren de Biltdyk en de dernei nijboude huzen oan de de Keats, de Opslach, de Boppe, de Appelhôf, de Parrehôf, de Kersehôf, de Beiehôf en de Prommehôf no by de gemeente MENAMERADIEL. Ek de Noardkant fan de Wiersterdyk is by MENAMERADIEL kommen. Dizze bewenners foelen foarhinne ûnder Sint Jabik. De adressearing wie: Sint Jabik ûnder BERLTSUM. Hjir is no Hemmema State boud mei it dêrefter lizzend nij oanleine (troch Matthé van Hout betochte) Hemmemapark. De eardere Sint Annebuorsters en ynwenners fan Sint Jabik binne no Berltsumers wurden.

In Brief.

De jûns foar de iepening fan in doarpsfeest waard by donker in brief by my troch de brievenbus treaun mei de meidieling: Wy, St. Annebuorsters en bewenners fan de Bitgumerdyk skiede ús wer fan BERLTSUM ôf. etc. ........ ......... De oare deis de jûns by de iepening fan it doarpsfeest drong it my, destiids as foarsitter fan de “Feriening Oranje Nasjonaal BERLTSUM - WIER en omkriten”, pas troch wat de bedoeling hjirfan wie.

Hjir folget it ferslach fan de L. C.: 30-8-1984.

Berlikum in ban strijd blauwkielen en geuzen.

Spektakelstik by de iepening fan it doarpsfeest. BERLTSUM yn de ban fan de Blaukilen en de Geuzen. In grins (swet) skeel tusken de bewenners fan de Bitgumerdyk yn BERLTSUM dy ‘t wer oanslúting woenen by it Bilt en de Geuzen fan MENAMERADIEL lieden justerjûn ta it yngrypen fan de Geuzen. De better bewapene en moai útdoste Geuzen hienen net folle muoite mei de harren ferdigenjende Blaukilen fan de Bitgumerdyk dy ’t allinne mar de beskikking hienen oer dongfoarken en mattekloppers. De (Berltsumer) stedspoarte waard troch de Geuzen mei in stoarmram oan flarden riten, wêrnei de “Bitgumerdyksters” har nei in lytse skermutseling oerjoegen. Boargemaster Bartele Vries fan de gemeente it Bilt tekene dêrnei mei “pine yn it hert” de akte fan oerjefte “Frede 1984” fan dit part fan it Bilt, dat by de gemeentlike weryndieling oan MENAMERADIEL tafallen wie. “It giet jimme goed yn de nije gemeente”, sa treaste hy de fersleinen. Boargemaster Jaap Goeman Borgesius fan MENAMERADIEL spriek harren ta: “Jimme wurde wer mei iepen earmen en yn genede ûntfongen troch de gemeente MENAMERADIEL. ”Jimme wurde no wer Berltsumer hûnen.” De fjochterijen oan de Bitgumerdyk foarmen it spektakelstik as ynlieding op it trijedaagse grutte doarpsfeest yn BERLTSUM. De happening waard troch in protte doarpsgenoaten opstrewearre, wêrby it organisearjende komitee “Oranje Nasjonaal” en Menameradiels earste boarger op feilige ôfstân taseagen nei it ferrin fan de “striid” al sittend op in âlde legertruck. Koart dêrnei op fûn op it sportkompleks “de Koekoek” de offisjele iepening plak wêrby’t de boargemaster de Berltsumers foar dit jier de útfiering fan in grut riolearringsprojekt ta sei (djipriolearring). En de doarps fernijing soe in grutte prioriteit ha.

Foto: Op de auto, foaroan steande: Boargemaster Jaap Goeman Borgesius, foarsitter “Oranje Nationaal Berlikum/Wier”, Watse H. Posthumus (mei burd) lofts - en frou Hinke Rienks - Anema rjochts fan him. Lofts fan W. H. P. stiet Doeke Sytses Sijens en Hessel Simon Rienks stiet efteroan op de auto. Sittend: lofts fan boargemaster Jaap G. B. syn frou Ali Goeman Borgesius – Molenkamp en rjochts, amper sichtber, Dirkje Posthumus - Fahner en Ytt Sijens - Nijdam.

Yn de L. C. fan 7-9-1915 is te lêzen ûnder it opskrift:

GRINSWIZIGING. Dat it fersyk destiids fan de bewenners fan de BITGUMERDYK (J. W. Swart c. s.) om by de gemeente MENAMERADIEL yndield wurde te kinnen, troch Deputearre Steaten fan Fryslân ôfwezen waard.

Dy winsk is dus no nei 70 jier pas neikommen.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

SIZWIZE

Honden zijn beklagenswaardig, zoals trouwens iedereen die een mens als baas heeft.

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------



L. C. 7-1-1984.

MENALDUMADEELSTER nieuwkomers bij de gemeente “op ’e kofje”.

BERLIKUM. - Onder het genot van een kopje koffie en een “fleurich sankje” van cabaretier Tetman de Vries heeft de Gemeente MENALDUMADEEL gisteravond in het Heechhout te BERLIKUM haar nieuwe inwoners welkom geheten. Honderdnegentig Bildtkers zijn als gevolg van de herindeling Menaldumadeelster geworden en volgens Tetman de Vries horen de nieuwe inwoners eigenlijk ook meer bij Menaldum dan bij Sint Annaparochie. “In faam wurdt noait in maid en in bleek wurdt noait in blaik”. De nieuwkomers zijn nl. woonachtig (geweest) in het niet Bildtssprekende deel van Het Bildt. Zo zijn een stukje BERLIKUM, in stukje WIER, een stukje Beetgum en een klein stukje Beetgumermolen heringedeeld bij Menaldum. Voor de nieuwe inwoners, van wie een groot deel gisteravond bij het gemeente bestuur van MENALDUMADEEL “ op ‘e koffie” kwam, verandert er overigens weinig. Hun straatnamen worden voortaan in het Fries aangegeven en ze zullen voor zover in het bezit van zo ’n dier, hondenbelasting moeten gaan betalen. Het Bildt kent die belasting nl. niet. Burgemeester Jaap Goeman Borgesius heette zijn nieuwe gemeentenaren welkom. Hij vertelde, dat zijn gemeente door de herindeling netto 157 inwoners rijker is geworden. (Leeuwarden “kreeg” een aantal Menaldumadeelsters) maar in grond ruim 600 ha kleiner werd. Er kwamen 290 ha bij terwijl door o. a. het verlies van het vliegbasis grondgebied er 940 ha. van de gemeente afging.

"In het Heechhout te BERLIKUM haar nieuwe inwoners welkom geheten"


PIEBE BOOMSMA.

Piebe Boomsma, de ienichst op 29- 2-1920 berne soan fan Jan Piebe’ s Boomsma en Feikje Schotanus, is yn BERLTSUM op 16 jierrige âldens begûn as kappersfeint by kapper Beek. Hy wie krekt as syn heit in echte draaioargelfanaat. Hja reizgen tegearre in protte de kermissen ôf om draaioargelmuzyk hearre te kinnen. Syn winsk wie dan ek altyd om sels sa ’n draaioargel ris yn eigen besit hawwe te kinnen. Dit slagge him yn 1962. Yn Ljouwert waard in heal fersliten eksemplaar kocht, boud yn 1900, mei de namme “De Hagenaar” (Carl Frei) en noch wer earder mei de namme “De grote Vreese van de Vuist”, en mei behelp fan 2 rasechte oargelbouwers t. w. Henk Möhlmann út Amsterdam en de Hagenees Joop Muilenberg is it oargel yn it foarjier fan 1963 restaurearre. Piebe wenne earst yn Diever en letter yn Ruinerwold. Hy kaam hjir gauris yn BERLTSUM om mei syn draaioargel de doarpsfeesten op te fleurjen.

------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 23-5-1949.

Advertinsje:

HEDEN overleed in het Diaconessenhuis te Leeuwarden onze geliefde man, vader, behuwd- en grootvader JAN P. BOOMSMA, in den ouderdom van ruim 64 jaar.

BERLIKUM, 20-5-1949.

P. Boomsma – Schotanus.

Ruinerwold:

P. Boomsma.

G. Boomsma – Waaring.

Feikje en Trijntje

------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 7-5-1960.

BERLIKUM had (op Keninginnedei 30 april) een zeer gevarieerd programma opgesteld: Muzikale rondgangen, een trekkerbehendigheidswedstrijd, een vaardigheidsrit en een vossenjacht. Het Haags Kindertoneel trad ‘s middags op voor de jeugd met “Dik Trom” en ‘s avonds trokken “De Tiroler Holzhackersbuben” een volle veilinghal.

L. C. 27-6-2003.

Hemmemapark BERLIKUM soberder.

De graafmachines halen het gebied aan de Noordkant van BERLIKUM overhoop voor de aanlag van het Hemmemapark. Op het terrein, dat eigendom is van de Stichting Berlikumer Belangen, (S. B. B.) komt een grote vijver die in de winter kan worden gebruikt als ijsbaan. ...... .......

(It plan ta de oanliz fan in Hemmemapark komt út it brein fan de op de Singel (“de âlde weareld”) en letter oan de Hôfsleane húsnûmer 49 wenjende (fan it Bilt ôfkomstige) Froukje Weijer - Kloostra. Froukje wie as widdo yn twadde boask troud mei Jabik Weijer en is Lid yn de Oarder fan Oranje Nassau.)

It park wurdt beheard, fernijd en ûnderhâlden troch de Stifting Hemmemapark. It is in protte frijwilligerswurk wat dien wurdt. It ûntwikkeljen, realisearjen, besitten en behearjen mei de kennis fan guon ynwenners fan in park is unyk yn Nederlân. De yngongen fan it park binne oan de Biltdyk, de Wiersterdyk en oan de Singel. It park is rom 7 hektare grut en bestiet út in wetterpartij mei in 400 meter iisbaan. It park leit neist de saneamde Klaaifeart. Dizze feart wie eartiids de ferbining tusken BERLTSUM en de Waadsee/Noardsee. De kanorûte giet hjir ek lâns. Yn it park binne û. o. in soad âlde appel- en parrerassen werom te finen. Wol 67 âlde rassen. Yn it park wurde wolris ekskursjes jûn foar de skoalbern, mar ek wit men it park te finen by de trije jierlikse doarpsfeesten. It is de muoite wurdich om dêr trochhinne te kuierjen. (of te trimmen.) Der is 2 km. oan kuier- en fietspaden en in protte ôfwiksel yn soarten en in ryke beplanting oan âlde- en nije fruchtbeammen en fruitrassen Ek de teelt fan sêftfruit (beiesoarten) en heechstam fruchtbeammen is wer yn ere ophelle. Matthé van Hout, foarsitte fan de Stichting Berltsumer Belangen (S. B. B) wenjende oan de Kwekerijleane, hat hjir in grutte rol yn spile. Fanôf de yn 2008 op in terp boude hurdhouten útsjochtoer hat men in moai útsicht oer de omjouwing en it Biltske lânskip. Oan it Hemmemapark binne op in terrein (oant no ta) 9 lânguodhuzen boud mei in tasein bliuwend frij útsicht oer it Biltske lânskip tsjin it beteljen fan 400 euro yn’t jier.

"De graafmachines halen het gebied aan de Noordkant van BERLIKUM overhoop voor de aanlag van het Hemmemapark."

L. C. 7-6-2004.

BERLIKUM zelf motor achter aanleg HEMMEMAPARK.

In het park kunnen de inwoners van BERLIKUM wandelen en fietsen. Het park is 7.5 hectare groot. Er komen ........... tien woningen bij het park .......... plus zitbankjes ............ plus uitkijktoren in het park.


SAMENLEVINGSOPBOUW.

Thema: Gebiedsontwikkeling. Najaar 2011, nummer 230, jaargang 30.

Het HEMMEMAPARK in BERLIKUM is een park van 9 hectare met waterpartijen, boomgaarden en landgoed met woonhuizen en een fietsroute door zeven dorpen. Het park is bedacht door, gemaakt door, en in het bezit en beheer van de inwoners van BERLIKUM. Ze hebben fondsen verworven, geld bespaard, financiële risico’s gelopen, gronden aangekocht, huizen laten bouwen, inkomsten voor de aanleg van het park gegenereerd, grond verzet en bomen geplant. Het dorp moest aantrekkelijker worden voor nieuwe inwoners met een park dat bescherming biedt tegen de stoere zeewind. De bewoners wilden een wandelgebied rond het dorp en behoud van de oude cultuurhistorische waarden. Burgers van BERLIKUM hebben gedaan wat de overheid altijd doet. De gemeente heeft gefaciliteerd met vergunningen en een bestemmingsplan. Hier is geen sprake van burgerparticipatie, eerder van overheidsparticipatie IN EEN BURGERINITIATIEF!


L. C. 1-4-2004.

BERLIKUM - Hemmemapark.

Boomfeestdag, wethouder Arend Dijkstra plant een Amaliaboom. 10.30 uur.

RAPPORT toekenning BERLTSUM als “Kern met pit” Doarpswurk.

Project: Uitkijktoren in het Hemmemapark.

Het Hemmema Park in BERLIKUM, dat bijna helemaal door de dorpsbewoners is aangelegd, was zo goed als af, op de uitkijktoren na. En die kon niet ontbreken, vond Stichting Hemmema Park. De toren, geplant in de zichtas van huizen die het park mede financierden, stond namenlijk centraal in het ontwerp van het park. Eerst moest er geld komen. De vrijwilligers van de Stichting bespaarden op de begroting van het park door nog meer werk zelf te doen, zoals het grondwerk en het planten van duizenden bomen. Twee aannemers uit het dorp bouwden de toren voor een zacht prijsje. Het ontwerp maakten de vrijwilligers zelf. De toren kreeg de vorm van een baken en kwam op een heuvel, alsof hij op een terp stond. Zowel de terp als het baken symboliseren de strijd tegen het water. BERLIKUM lag namenlijk heel vroeger aan de Middelzee. Op 8-5-2008 was de toren een feit. Wij hebben grote waardering voor wat jullie sinds 1995 voor elkaar hebben gekregen en achten het predikaat “Kern met pit” volledig op zijn plaats.

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

IT FRJEMDE FAMKE

Rint in pearke troch it Hemmemapark en sjocht in jonge en in famke op in bankje sittend, hertstochtelik te tútsjen.

“Wêrom dochsto dat net?” freget de frou. “Ach leave, ik ken dat famke dochs net!”

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------