Op 12 febrewaris 1480 makke de yn Ljouwert wenjende “earbere boarger” Gerrit fan BELCUM yn oanwêzigens fan trije tsjerklike hege funksjonarissen syn testamint op. Dit testamint is de grûnslach wurden fan it saneamde “Sint Christophori-lien ta de Âldehou”. Yn syn lêste wil beskikte Gerrit fan BELCUM, dat 600 Luicker gûnen, in part fan syn fermogen, rentejouwend belein wurde moast troch syn soan Pieter en swager Symen, ta “God ’s Eare”. Earst waarden de baten brûkt foar it misse lêzen troch in preester út de van BELCUM sibbe en foar preester opliedings binnen de sibbe. (û. o. syn pakesizzer Jacob Jacobssoan Canter, de soan fan syn dochter Lieuwkje Gerrits van Belcum troud mei de Ljouwerter boargemaster Jacob Canter, wie preester) Ek moast in pear kear yn it jier in útdieling plak fine fan fiedsel en drank oan de earmen. In preester út eigen sibbe moast dizze hanneling ferjochtsje tsjin in fergoeding út de opbringsten fan it lien. Letter is it doel feroare en is it lien omset yn in stúdzje lien. Yn 1580 kaam de Herfoarme earetsjinst yn it plak fan de Roomske en dus waard de bestimming fan it lien ek feroare. De ynkomsten moasten tenei brûkt wurde foar it ûnderhâld fan û. o. dûmnys en skoalmasters. Letter krigen hja de bestimming fan stúdzjelienen, lykas wy dy hjir no kenne. Kening Willem I. brocht de lienen ûnder tapassing fan de Keninklike Beslúten fan 1818 en 1823 ûnder by it Provinsjaal bestjoer. Deputearre Steaten krigen it tafersjoch ûnder opper tafersjoch fan de Minister. No noch bestiet it “Sint Kristophori-Lien”, opdroegen oan Sint Krystoffel, de skutspatroan fan de eardere tsjerke de Âldehou te Ljouwert. Inkelde hûnderten neikommelingen fan Gerrit fan BELCUM hawwe no rjocht op in pinsje út dit fûns. It kapitaal bestie yn 1980 út sa ‘n 7 ton oan effekten en 50 hektare oan lân wêrûnder in 20 hektare yn de omkriten fan Slappeterp. Gerrit fan BELCUM wie berne om 1440 hinne. Men wol wol ha, dat hy besibbe is oan de Berltsumer Hemmema’s. Syn dochter Lieuwkje wie boaske mei Jacob Canter dy ’t yn 1501 en 1529 boargemaster fan Ljouwert west hat. No binne dêr noch yn de omkritende fan Ljouwert de saneamde Canterlânnen. Syn pakesizzer Rinske Canter wie troud mei Claes Thymons. Hja is stoarn nei 1534 en foar 1543. Yn 1511 wennen hja yn Dokkum. Hja binne besibbe oan de Auckama ’s fan Ljouwert en it Simon Hendrik ’s folk fan Harns. (sjoch hjirfoar de Runia (Rinia) stambeam). Omdat Pieter Hacquebart (bord) boaske wie mei in neikommeling fan Gerrit fan BELCUM, (Geertruyd Swalue) kinne no û. o. de Berltsumer ôfstammelingen ek in pînsje oanfreegje út dit fûns. Ôfstammelingen fan him binne om sa mar in pear nammen te neamen: it Simon Sikke ‘s Lautenbachfolk, de Lolkema’s, de van Dijken (it Jan Joukes folk.), de bern fan Fokke en Geartsje Sijbrandij út de Lytsebuorren 16, dit fan Geartsje ’s kant, de Douma ’s út Menaam. (it Roel Willems folk), de bern fan Marten en Marijke Nieuwhof - Swalua (* fan de Lúnsterwei 5 en gean sa mar troch. It útdielen oan de earmen yn Ljouwert fynt net mear plak. Sa is it Berltsumer “Brouwersfûns”, fan de keapman yn flaaks en lynsied Lammert Brouwers, krekt as yn Minnertsgea, no ek noch altyd dwaande om op âldjiersdei útdieling te hâlden fan in wite bôle en healpûn bûter. De útfiering hjirfan moat dien wurde troch de Herfoarme diakonije en is bestimd foar alle behoeftige widdowen út it doarp. De útfiering hjirfan hie no wol ophâlde kinnen omdat de yn syn testamint neamde “behoeftige” widdowen hjir net mear foarkomme. It is mear in tradysje wurden. De witebôle is no sels in steur of krinte bôle wurden!
Jan Pieters Quarré, berne te BERLTSUM op 27-11-1891, troud mei Sjoerdtje de Vries, wie by boppeneamde Lammert Brouwers yn tjinst as flaakskeapman. Syn broer Durk Pieters Quarré, wie troud mei Aukje Sybrens Lautenbach. Beide bruorren wennen yn de Bûterhoeke yn de dûbele mei reade stien boude wente respektivelik de húsnûmers 48 en 50.
(* ÚT DE QUACLAPPEN. (1600 – 1612)
Pagina 27 oktober 1600: - Anna Dirks dr. te Leeuwarden als erfgenaam van wijlen Willem Dirx broeder. Impt CONTRA Otto Swalue (* voor zijn zoon beneficiant op het Sint Christoffel leen te Oldehove, ged. HET HOF adonneert partijen te compareren voor de commisaris die henlieden zal verlijken indien niet hen informeren op facto in de presentatiën gevonden.
(Boppeneamde dr. Otto Swalua is ôfkomstich fan Westfalen en wie ek de man fan it earste begjin yn de Fryske Grifformearde tsjerke. Hy waard yn 1581 fanút Embden troch Menso Alting per brief oantrúnt om in ein te meitsjen oan it tekoart oan dûmnys.)
Dizze hjir ut supra neamde Menso Alting skriuwt yn syn notitia Inferioris, part 2 pag. 53 oer BERLTSUM it folgjende:
Civitas Exiensis oppidum Frisiae orientalis fuit cum porta celebri ad ostium Boerdiep, feu Borndiep, eo fere loci, ubi BERLIKUM, feu BELKUM vicus equorum mercatu nobilis, vernacute UITGANG dictum, quia hinc navis ‘s flatione exibant. UITGAAN enim significat exire, qua voie utimus pro porta folvere; unde illorum fecuiorum Latinas Exiensem civitatem producit.
Frij oerset: De Stêd Útgong op in Fryske terp lizzend, dêr wêr’t BERLTSUM no leit, lei earder oan it Boerdjip of ek wol it Borndjip neamd, en it plakje (steedsje) BERLIKUM of BELKUM wie om syn geunstich lizzende haven tige ferneamd troch de grutte oanrin fan in protte keaplju. De namme Útgong wol sizze dat fan hjirút dit plak in protte skippen de see útgienen. Exiensis komt fan it Latynske exire wat útgean betsjut. (W. H. P.)
L. C. 15-11-1996.