De measte minsken hienen yn it ferline fakentiden mear as ien berop of baan. Tink bgl. mar oan master S. A. Ypey, dy ’t hjir yn BERLTSUM net allinne skoalmaster wie, mar ek koster, oargelist, doarpsrjochter en sa mear. Minne M. Braaksma, dy ’t neist syn wurk as feerskipper, ek noch de tsjerkesaad hierde, om wetter by ’t amer ferkeapje te kinnen oan de yn ’e simmer droechsteande Berltsumers. Foaral yn de tiid fan droechte, as alle wetterbakken by de minsken thús leech stienen, smiet it somtiden in aardich sintsje op.
Yn 1824 wurdt de reparaasje oan de Koepeltsjerke oanbestege. Yn 1827 hat mr. timmerman / kastlein Auke van der Mei wer in hiele nije wetterbak makke by de tsjerke op de Westkant fan it tsjerkhôf foar fl. 869, - Guon frjoulju hienen as bybaan, it bôlekoerrinnen, it kreamheinen, it skjinmeitsen, allegearre bybaantsjes neist it húshâldlik wurk, om ’t hja widdo wurden wienen of de man siik wie en it dêrom net al al te rom mear hienen. Fan A. O. W. , A. W. W. en Ziektewetten etc. hienen hja noch nea fan heard. Sa wie mr. glêzemakker (en ferver) Boate Bartels neist syn deistich wurk ek noch oerwurkmakker en beiker. (Wy kenne him noch fan it opfervjen fan de wynfane en de pynappel op de Berltsumer tsjerketoer yn 1778 / 1779 ) Nei syn ferstjerren yn 1785 binne by boelguod ferkocht: 14 à 15 oerwurken, oerwurkersark, bankskroeven, ien à twa draaibanken, in ferfmûne, twa alderbêste diamanten, mar ek noch bijkersark, lykas bijekuorren, in huningparse etc. De oerwurken en foaral de grutte oerwurken rûnen yn dy tiid net sa lûdleas as no. It foarige âlde oerwurk yn de Koepeltsjerke bgl. waard foarhinne dêrom Sneins ek altyd stilset ûnder de tsjerketsjinsten.
Op 9-1-1740 ferkeapje oerwurkmakker Reiner Sybrens de Jong en syn wiif Anna Catharina Antoni Slots een hûs te BERLTSUM foar de som fan 200 car. gûnen oan de wolkjimmer Thomas Aebes.
Jan Folkerts wie hjir yn 1766 mr. wolkjimmer yn de Buorren. Wander Emmen fan BERLTSUM wie neist wolkjimmer ek noch keapman. Tjalling (Tjallings) Camp, dy ‘t yn Ljouwert yn 1741 yn twadde boask boaske wie mei Neine (Neyne) van der Laan, wie hjir sûnt 1749 sulversmid op “it Easteinde” (fan de Buorren), mar syn wiif wie faak fuort te himmeljen. Hy is yn 1733 mr. wurden en is stoarn yn 1749. Letter ferhierde hja, doe ’t hja widdo wurden wie, it hûs op it easteinde (fan de Buorren, no It Skil, Hemmemaplein) oan de grutskipper Arjen Jarig ’s Bilker (1761). De widdo fan Goris Jelles hie oant har ferstjerren ta (yn 1754) in winkel yn ‘e Buorren. Pytter Pytters wie kastlein en wynhanneler. Symen Siek ’s (Sierks) Baarda, boaske mei Saapke Joh. Hazenhoek, yn “Het Wapen van Gelderland” wie kastlein en wynhanneler. Hy is letter opfolge troch Harmen Berent ’s Bosma, troud mei Antje Jorrits. Evert Anne ’s Nauta, troud mei Vroukje Johannes Datema, yn “Het Wapen van Vriesland” allyksa, kastlein en wynhanneler. Hy is ek tsjerkfâd west. (Út in akte fan 1740 blykt dat in sekere Jeltje Keimpes Datema een stik fan ‘e tún efter dizze herberch ferkocht hat oan Carel Duco d’ Aumale). Durk Feikes, troud mei Zwobkje Jans, hie op de hoeke fan de Krússtrjitte (destiids de Nijestrjitte neamd) in weinmakkerij, syn frou hoegde wierskynlik net by te fertsjinjen, want hy hie hjir in tige goed bestean. Theunis Meetsma, de soan fan Tjitsger Sybesz. (M. doarpsrjochter) boaske mei Grytje Gorrit ’s Fopma, wie yn 1792 húsman en Taeke Klases, mr. timmerman. Gauke Ages, hôfker. (Hy wie troud mei Hendrika Lammerts en skynt goed by kas sitten te hawwen, want op ien Maaie 1792 lient hy ien tûzen Car. gûnen oan de tsjerke fan ús doarp.) Op 1-10-1827 ferstjert hjir de Berltsumer kastlein en baker Klaas Willems Wassenaar, hy wied berne ûnder Feinsum op 5-1-1786 en troud mei Antje Tjepkes Hoekstra. Antje Hoekstra troude dêrnei op 7-8-1828 opnij mei Lieuwe Eades Hofstra, earder bouboer te Menaam.
Jan Feyes de turfskipper. Fedde Jans, turfmjitter en turftôger, Hans Sybren ’s Faber, Monte Sybes, (Mandema) op 7-9-1783 fan Jelsum ôfkomstich), Klaas Joostes (troud mei Sijke Abrahams) en Klaas Hemkes, (troud mei Sytske Symons), mr. bakkers. Klaas Klases (de) Geele, kleanleveransier. Sikke Beernts, yn 1746 troud mei Gatske Sjoukes, mr. smid. Heerke Wiglenhuizen, troud mei Hycke Piers, kleanmakker en burdskearder. Andries de Vries, mr. sulversmid. Benjamin Boomsma, (berne yn 1765 te Weesp en troud mei Reinouke Plet) mr. sulversmid. Johannes de Valk, glêzemakker/ferver en Jacob Jacob ’s de Wilde, túnker/winkelman.
Bartholomeus Wiebrens wie oerwurk(klok)makker. De neikommelingen fan syn soan Bote (Bartele ‘s), glêzemakker/ferver en oerwurkmakker, troud mei Rigtje Salvis (de Jong), neame harren letter Klok. Jouw Pytter ’s (Keuning) wie hjir sûnt 2-6-1777 mr. skuonmakker en troud mei Hendrikje Beernts de Graav (f.) De Berltsumer Herfoarme dûmny Siricus Arnoldi, (Sierk Arnoldus ’soan) dy ’t hjir ferstoarn is wie wierskynlik ynteressearre yn skiednis, technyk en mineralen want hy wie in samler fan mineralen en alsa mear. Let op: hy lit yn 1772 it folgjende nei: in biblioteek, Frânske boeken, in gouden horloazje, in kostber steand oerwurk yn in nutebeame kast, dy ’t in moanne rinne kin sûnder op te winen, in izeren jildkiste, in Ingelske luchtpomp, in dito (* elektrisearmasine, in toverlantearne, mineralen, ferstiennings, hoarntjes, skulpen, in pear skilderijen en skoarstienstikken. Jetse Meinerts, boaske mei Akke Reiners, wie mr. timmerman. Jacob Deddes (Appelhof), troud mei Sibbeltie Tjallings Swart, wie hôfker/túnker. Jouw Pijtters (Keuning) mr. skuonmakker, wie troud mei Hendrikje Beernt ’s de Graav(f.), Reiner Dirks wie mr. glasemaker. Theunis Meetsma wie boaske mei Grietie Gorrit ’s Fopma. Feijes Jans en syn soan Jan Feijes wienen turfskipper. Jeremias Rein ’s (Quarré, troud mei Berber Pytters), Wytse Johannes de Haan en Simon (Jan ’s) Kramer leveren winkelwaar. Jeremias Klases (Quarré) wenne oan de Grússleat.
Pyter Keimpe ’s Reitsma hie in protte baantjes, sa wie hy û. o. Turfmjitter/tôger, pûstertraper by it oargel en tromslagger/omropper. Klaas Wop ’s de Groot levere súvelwaar, lykas bûter e. d. Jetse Meinerts wie mr. timmerman. Cornelis Pieter ’s Westerdijk wie mr. smid. Jacob Elias, troud mei Nieske Hendriks, brûkt yn 1759 in keamer, koken, tún en ¼ fan it Berchhôf, wêrfan Hotze Quader de eigner is. Syn heit Elias Willems wie hjir gernier/hôfker. Syn mem Tjamke Jacobs is hjir ferstoarn yn Jannewaris 1776. Durk Feikes, troud mei Zwobkje Jans, wie hjir oant syn ferstjerren ta yn 1796, mr. weinmakker. Samar in pear nammen fan ynwenners fan âld BERLTSUM, dy ’t wy allinne noch kenne út de tsjerkeboeken en advertinsjes út de Ljouwerter Krante.
Sa kaam ik ek yn de L. C. noch in aardich stikje tsjin, in tank- en in rou advertinsje wat giet oer in frou út de Berltsumer túnkerssibbe, de Hofma ’s fan eartiids. It giet oer de âlde Baaye Hofma dy ’t troud wie mei Gerben Ymes ’s Koopmans. Har man wie túnker en hja stie oant har dea ta, op de Berltsumermerke yn Ljouwert. A. O. W. en Pensjoen koe men doedestiids noch net. Hjir folget it ferslach fan dit aardige stikje:
L.C. 20-7-1885
Welke Leeuwarder kent Baaije niet? (**
Wie misschien in dit geval mogt verkeeren, wete, dat onder deze naam bekend is, Baukje Hofma, vrouw van den oud-strijder van (*** 1831 - 1832 Gerben Yme ’s Koopmans, gardenier te BERLIKUM.
Waartoe deze herinnering of meededeeling?
Omdat deze vrouw gisteren een zeer eigenaardig jubilé mocht vieren. Het was toen eene halve eeuw geleden, dat zij voor het eerst op de BERLIKUMER MARKT verscheen, om aardappelen en andere landbouw producten, benevens boomvruchten te verkoopen, en sinds, jaar in jaar uit, daarvan wekelijks onze stadsgenooten kwam voorzien. De nog altijd vlugge koopvrouw zou ervaren, dat men deze dag niet ongemerkt wilde laten voobijgaan. Na afloop der markt werd haar door een groot getal belangstellenden uit de buurt en nog vele anderen, zoo van hier als uit andere plaatsen der provincie een fraaije leuningstoel, benevens eene keurige bloemtafel met bloemen als blijk van deelneming in het haar te beurt gevallen voorregt aangeboden, waarbij de gardenier Wenselaar, van BERLIKUM, uit aller naam haar op hartelijke wijze in de Friesche taal toesprak. Hiermede was het echter nog niet gedaan. Toen het brave oudje zou vertrekken, kwam het geheele personeel marktbestellers, mannen en vrouwen, aanzetten, om haar als in triomph op haar eergestoelte te plaatsen en zóó rond te dragen. Uit verscheidene der in de nabijheid gelegen marktschepen wapperde ter eere van de jubilarisse de nationale vlag. Het was in alle opzigten eene warme, welgemeende ovatie.
Fuotnoaten:
(** Yn it Keninklik EISE EISINGA PLANETARIUM te Frjentsjer is noch in elektriseermasiene te sjen fan professor Van Swinden. Sjoch ek op Google: Ds. Balthasar Bekker, Ds. Eelco Alta (1723 -1798) de dûmny, boer, politicus en patriot fan Boazum dy ’t oanlieding jûn hat ta de bou fan it planetarium en by de wis- en natuerkundige Wytze Foppes (Dongjuma 1707-1778) dy ’t berekkenings makke hat n.o.f. de konjuksje yn it stjerrebyld de RAM fan de planeten Jupiter, Mars, Venus, Mercurius en de Moanne op acht Maaie 1774.)
(** Baukje Pier Jarig’s Hofma, berne op 30-5-1812, is hjir trije jier letter yn 1889 ferstoarn yn ‘e âldens fan 76 jier. Baukje wie de dochter fan Pier Jarig’s Hofma en Minke Bote’s Klok en harren man in soan fan Yme Gerben’s Koopmans en Grietje van Dokkumburg en hja wie troud op 20-5-1835.
(*** De âld-striders waarden ûnderskieden mei it “Metalen Krús”. By K. B. fan 12-9-1831 ( K. B. ter toekenning van “het Metalen Kruis” (Trouw aan de Koning en het Vaderland) 1830-1831 aan de deelnemers van de “Tien-daagse” veldtocht van 2 tot 11 augustus 1830 tegen de opstandige Zuidelijke provincies (België) en ook aan hen die sinds 1830 aan de strijd hadden deelgenomen). It waard ek wol it “Hasselter Krús” neamd as ferwizing nei de by Hasselt op de Belzen bút makke kanonnen, wêrfan it omraande brûns brûkt waard foar it meitsjen fan dizze metalen krúsen.
DE “YTSKE BEILANUS”
Arjen Jarichs (Jarigs) Bilker wied berne te Froubuorren en doopt op 6-6-1706. Hy wie grutskipper op it skip “Ytske Beilanus” en wenne op it East-ein (no it Skil/Hemmemaplein) fan ‘e Buorren te BERLTSUM. Arjen cum suis hierde de wente fan Neine van de Laan, de widdo fan ‘e sulversmid Tjalling (Tjallings) Camp. Hy is trije kear boaske west. Syn neiteam neamt harren letter van der Zee. It hûs wie earder troch widdo Neine bewenne. It hûs wurdt yn oktober 1761 ferkocht ( L. C. 14-10-1761) De namme fan it skip kin, mar ik wit it net seker, de namme wêze fan de frou fan in sekere Willem de Wendt út Kollum. Harren dêr berne soan Eyso de Wendt is letter nei East-Ynje gien en wie letter direkteur fan ‘e hannel op Sina. Hy is skatryk yn Fryslân werom kommen. It kin wêze dat hy de eigner fan dit skip west hat en Arjen foar him farre nei dizze lannen.
LJOUWERTER KRANTE 8-6-1754.
Evert Annes Nauta en Pijttter Pijtters Post, beide Wijnhandelaars en Herbergiers, woonagtig in den Dorpe BERLIKUM, doen door dezen aan een ijder bekend maken, dat zij op Maandag 24 Junij 1754 te tien uuren praecijs voor Noen, zullen laten Verrijden een Silveren Sweep ter waarde van vijf-en-twintig Caroli-guldens, welke Sweep aan de Meester van het Harddraverspaard praesent zal worden gedaan.
NB. Geen paarden zullen mede mogen lopen, die ouder zijn als vier of vijf jaren. Alle Liefhebberen worden verzogt, haar ter plaatze op dag en uur te vervoegen.
L. C. 13-4-1754.
BOELGOED op Dingsdag de 26 April 1754 ten Sterfhuize van de Wed. Goris Jelles in de Buuren te BERLIKUM, van Mans- en Vrouweklederen. Bedden, Beddekleederen, Linnen en Wollen, Zilver en Goud, Koper en Tin als mede eenige winkelwaren van Kramerijen sampt een deftige inboedel van Huisgeraden etc. ..... ...... Seg het voort.
“AS SE NEI DE MOANNE GEANE, DAN GEANE SE NEI DE MOANNE”.
Konservator fan it planetarium, Harke Terpstra stoarn op 31 maaie 1997, hie yn Frjentsjer de bynamme fan “Harke Planeet”. Hy wie lid, en somtiden ek wol foargonger fan de Gemeente fan Doopte Kristenen yn Frjentsjer yn in gebou (it lêste hûs) wat oan it Bolwurk stiet, de eardere skûltsjerke fan de Doopsgesinde gemeente. Doe ’t de Amearikanen in bemanne romtefeart nei de moanne oankundigen, spriek Harke Terpstra de histoaryske wurden: “As se nei de moanne geane, dan geane se nei de moanne”. Net tsjinsteande Harke in protte foar it planetarium dien hat is hy yn alle opsichten altiten tige min troch de stêd Frjentsjer behannele. In skrinend foarbyld fan disrespeksje fûn yn 1981 plak. By it ûntbleatsjen fan it miniatuer fan it planetarium yn Madurodam mocht Harke de iepeningshanneling ferjochtsje. Ek boargemaster Jaap Pop wie by it ûntbleatsjen oanwêzich. Hy kaam mei in tsjinstauto nei Den Haach, mar Harke waard net útnoege om mei te riden. Hy moast mei de trein. Wer ris tige respektleas behannele foar de safolste kear.
W. H. P.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DONALD
Juffer Yneke fan basisskoalle de “Fûgelsang” freget oan harren learlingen: “Ik bin moai, is dit tsjintwurdige tiid of ferline tiid?”
Donald antwurdet: “Ferline tiid juf ...... ......”
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
NACHTWAKER
“Wat wolsto letter wurde Oane?” freget pake.
“Nachtwaker” seit Oane.
“Wêrom nachtwaker?” freget pake.
“Dan hoech ik jûns net mear sa betiid op bêd en mei ik opbliuwe!”
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 4-1-1766.
Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, praesenteert publyk te Verhuuren op Maandag den 11 Juny 1766 te twee uur na noen: Een deftige huizinge, staande en gelegen in de Buurt te BERLIKUM, tegenwoordig by Jan Folkerts, mr. Wolkammer cum uxore tot May aanstaande gebruikt, bestaand in een Voorhuis, Voor en Agterkamer, met Schuur en Hovinge, bequaam voor allerley hanteeringe. Wie gading maakt, kome op voorzeide tyd ten huize van E. A. Nauta, Herbergier in ‘t Wapen van Vriesland.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 4-2-1814.
Dr. P. J. Mebius, notaris te Marssum, zal, op Donderdag den 24sten February 1814, des namiddags ten 2 ure, ten huize van de Wed. E. W. Dijkstra, Kasteleinsche te BELKUM, by den provisionelen en finalen palmslag, op gemakkelijke termynen van betalinge, presenteren te verkoopen: Eene florisante, hechte en sterke Huizinge, zynde eene welbeklante grofsmedery, waarin sedert een reeks van jaren, die affaire met het beste gevolg is en nog wordt geëxcereerd; staande op het plaisierigst van BELKUM, bestaande in eene ruime Smederij, twee Kamers, voorzien van 2 Regenwaterbakken, Put en verdere geryfelykheden, voorts eene fraaije Achter erve, Tuin en Bleekveld, met no. 133; by Tomas Cornelis Westerdijk, mr. Grofsmid, als eigenaar bewoond. Mei 1814 vry te aanvaarden, waarop geboden is fl. 1605 car. guldens. De koopers zullen de Smids-gereedschappen op tauxatie moeten ontvangen, en desverkiezende een aanzienlyk gedeelte der koopschat onder deze huizinge kunnen houden; de conditiën van verkoopinge zyn by de boven-genoemden notaris en by notaris van Loon te Sint Annaparochie te vernemen.
L. C. 17-1-1948.
FRIESE BOEREN als sterrenkundigen.
(Arjen Roelofs, it sjeny fan Hijum. Berne op 1-3-1754 te Hijum op Hommema-zathe en stoarn te Hijum op 11-5-1828)
FRYSKE NATUERWITTENSKIPPEN.
Yn Fryslân begûn yn de 18e ieu in wol hiel bysûndere groep minsken harren te opponearjen, de saneamde “boereprofessoaren”. Dit wienen autodidakte ynstrumintenbouwers, astronomen of wiskundigen. Sûnder universitêre oplieding gienen hja it paad fan de wiitenskip op. Dejinge dy ’t dêr mei kop en skouder boppe út stiek wie Eise (Jeltes) Eisinga. Hy boude tusken 1774 en 1781 it no wrâldferneamde planetarium yn syn wenkeamer. Hoewol Eisinga gjin universitêre oplieding hân hat profitearre hy wierskynlik dochs fan de kennis dy ’t yn Frjentsjer oanwêzich wie. Troch de Frjentsjerter Universiteit kaam Eisinga mei professoaren yn oanrekking: der waarden iepenbiere lessen organisearre en der wienen boekhannels en útjouwerijen yn de stêd. Sa krige hy tagong ta de nedige kennis.
(Sjoch: Sieds Johannes Rienks en Arjen Roelofs. Ds. Arnoldi út BERLTSUM hat wierskylik neist teology ek ynteresse hân yn dizze wittenskip.)
L. C. 26-11-1830.
(sjoch by: Verkooping van koeijen) Publike ferkeap te Dronryp (ik tink fan it bertehûs fan Eise Eisinga) van eene schoone en welbetimmerde koopmanshuizinge waarin tot heden eene WOLKAMMERIJ en Winkel gedreven wordt etc. .... ..... Voorts een gebouw tot VERFHUIS gebruikt wordende, thans by Ane Stephanus Eisinga in gebruik en op 12 Mei 1831 vrij te aanvaarden.
DE HUZAREN fan SYTZAMA.
Dit rezjimint wie yn 1814 oprjochte troch baron J. G. fan Sytzama, dy ‘t dêrta in opdracht krigen hie fan Kening Willem I. Van Sytzama skreau in hertstochtlike oprop oan “U wakkere Vriezen” om niet “zorgeloos tehuis te blyven”, mar om as rúters foar de “doorluchtige souverein” te striden. Hy fierde sels it Fryske rezjimint oan , dat doe noch Dragonders Nr. 2 hjitte. It rezjemint focht yn û. m. de Slach by Waterloo (1815), de Tsiendaagse Fjildtocht (1831) en de Gelderske Fallei (1940). Nei de oarloch waard it ústjoerdnei û. m. Bosnië (1997). De lêste tankbataljons fan de kriichsmacht, w. û. de Huzaren fan Sytzama en dêrmei de komplete Kavalerie, binne op 16 septimber 2012 opheven. Op de Lange Voorhout yn Den Haach waard de stander (it findel) oplein, lykas dat hjit. Dit bart yn it kader fan de besunigings by Definsje troch it Ryk. In protte BERLTSUMERS hawwe letter by de Kavalerie tsjinne, û. o. letter ek myn heit yn Amersfoort.
“DIE FRIEZEN ZIJN NIET POLITESSE, ZIJ SLAAN MET KOLVEN EN STEKEN MET MESSE.”
Militêren dy ’t tsjinne hawwe yn ferskate ûnderdielen, m. ú. f. de skutterij, ûnder de kriichs-dieden yn 1830-1831.
Hjir hawwe in 4000 Fryske skutters oan dielnommen en in net bekend oantal oare Fryske militêren. Hoefolle en welke skutters en oare militêren ûnder de kriichsdieden fallen binne is ek net bekend. Omdat by in protte militêren de plaknammen net neamd wurdt is fakentiden net nei te gean om welke persoanen it giet. Fan de eardere eigner fan Loazjemint “Het Metalen Kruis”, witte wy it wol, de Berltsumer S.(joerd) A.(ukes) Tolsma. Lêstneamde wie fuselier 8e ôfdieling ynfantery, hy is ferwûne rekke ûnder de “Tsien-Daagse fjlidtocht” en wie ek lid fan de Feriening “Het Metalen Kruis” te Ljouwert. Ek is bekend dat in Klaas Kornelis van Gelder, berne te BERLTSUM as soan fan Kornelis Douwes van Gelder (berne om 1761 hinne) en Trientje Claases Swart, letter wenjende te Ljouwert, ferstoarn te Sourabaja op 12-7-1830, yn it leger flankeur west hat.
Sa fertelde âld V. V. D. minister Pieter Winsemius ris op in jûngearkomste, (ik miende te witten fan de Âldheidskeamer fan Barradiel, mar wit it net seker mear), yn de herberch fan Tsjummearum de folgjende anekdoate: Syn foarpake Johannes Pierius út Furdgum (* yn 1811) en ferstoarn te Easterbierrum (yn 1883) wie fuselier 18e ôfdieling en by de 10-daagse fjildtocht ferwûne rekke. Doe ’t de Kening efternei ris in besite brocht oan de stêd Harns, woe hy graach hawwe, dat de dragers fan “it Metalen Krús” oan him foarsteld waarden. Hjir wie ek syn foarpake by. Eltsenien krige eigenhannich in gouden tientsje fan ‘e Kening útrikke. Doe ‘t syn foarpake oan bar wie en it gouden tientsje ynkassearre hie, stiek hy syn skeine hân omheech en sei: “Dit is wol in bytsje, Majesteit”, wêrop de Kening him in twadde tientsje joech. Dat wie yn dy tiid en foar de omstannichheden weryn ‘t Johannes Pierius doe mei syn húshâlding ferkearde, in protte jild.
Dizze Winsemius is ek de foarpake fan de yn Minnertsgea berne Bernardus Pieters Winsemius, de man fan Sjoukje Klazes Runia en harren bern, hjir destiids wenjende op Buorren nûmer 11, en Sjouk no as widdo op de Kwekerijleane húsnûmer 13 te BERLTSUM.
BELGIË en LUXEMBURG.
Nederlân, België en Luxemburg waarden nei de fâl fan Napoleon ien keninkryk en moast dêrmei ek tsjinje as tsjinwicht tsjin Frankryk. Dit hat net lang duorre want al gau dêrnei hat België him fan Nêderlân ôfskieden. (Tsiendaagse fjildtocht 1831) De Belgen wienen tsjin de sensuer op de parse, de hege belêstings en tsjin it opdringjen fan ‘e Nederlânske taal, de Kening, as Protestant, woe te folle sizzenskip hawwe yn de Belgysk Roomske tsjerke, mar ek krige it Noarden yn harren eagen mear oandacht as it Súden. In protte Friezen, wêrûnder ek BERLTSUMERS hawwe hjir oan meidien. In protte dielnimmers krigen letter it saneamde Metalen Krús opspjelde. Luxemburg, wat twa ieuwen lyn op it Wener Kongres ek oan it Keninkryk der Nederlannen, of leaver sein oan it Hûs fan Oranje tabedield waard, as kompensaasje foar it ferlies fan harren Dútske gebieten, is letter ek wer losmakke fan dit Keninkryk. (Alle Nassauske gebieten yn Dútslân wienen nammentlik ferienige ta it Hartochdom Nassau, en dy kamen ûnder it behear fan it foarstenhûs Nassau – Weilburg.) Luxemburg jilde as kompensaasje; dêr mochten de Oranjes tenein Grut Hartoch fan wêze. Mar doe ‘t Kening Willem III. yn 1890 kaam te ferstjerren en syn dochter Wilhelmina him opfolge, moast de famylje Luxemburg al wer opjaan. Yn dat lân jilde nammentlik de Salyske wet: der mochten gjin froulju op de troan. De Luxemburgse troan ferfoel doe oan de earstfolgjende manlike telch fan it Hûs Nassau en dat wie Hartoch Adolf fan Nassau – Weilberg. Hy wie yn 1866 ôfsetten, dus it ervjen fan de Luxemburgse troan kaam him tige goed út: wat foar foarst dy ‘t ôfsetten wie, krige samar wer in oar lân om oer te regearjen? No telde hy wer mei yn foarstlike rûnte. Op dat momint hie hy al lang aase en dêr liet hy him dan ek tige yn kenne; hy wie nammentlik al nei Luxemburg ôfreizge foardat Kening Willem III. stoar en doe ‘t de Kening earst dochs wer wat opknappe, naaide hy werút as in hazze ...... ...... Adolf fan Nassau, dy ‘t oan ‘t syn dea ta yn 1906 Grut Hartoch bliuw, wie leaver op jacht yn Beieren dan oan it regearjen yn Luxemburg. etc. ........ ........
L. C. april 1889.
In de vorige week overleed te BERLIKUM in den ouderdom van 76 jaren, Boukje Pier ’s Hofma, vrouw van G. P. Koopmans. Zij was op de Berlikumermarkt alhier eene zeer bekende persoonlijkheid en velen zullen zich nog herinneren, hoe eenige Leeuwarde heeren haar voor drie jaar op die markt een fraaien armstoel vereerden ter gedachtenis aan het feit, dat zij 50 jaren daar handel had gedreven.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE GRAAF.
In Berltsumer oer syn pakesizzer:
“Myn pakesizzer hat it fier skopt. Hy is in echte graaf ”.
Syn buorman: “Oh ja? “ “Wat foar graaf? “
Pake wer: “In fotograaf”.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 11-9-1968
Jongen uit Berlikum 200.000-ste bezoeker in Nijlân zwembad.
Het Leeuwarder Zwembad Nijlân begroette gistermiddag om half vijf de 200.000-ste bezoeker: Freddie van der Graaf uit BERLIKUM, leerling van klas timmeren 2-b, christelijke lagere technische school in de Cornelis Trooststraat. Freddie kwam langs de kassa met zijn klasgenoten, ze zouden schoozwemmen. Van de bedrijfsleider van het zwembad, de heer D. de Vries, kreeg Freddie een gratis abonnement voor beide gemeentelijke baden. etc. ...... ......
L. C. 8-7-1895.
De gardenier J.(an) J.(ohannes) van W.(igcheren) alhier mocht heden het voorrecht genieten, dat hij ‘s Vrijdags in de zomermaanden gedurende het tijdperk van 50 jaar de Berlikumermarkt te Leeuwarden met aardappelen bezocht. Zeker is het aller wensch, dat de bejaarde en ijverige man nog menig reisje naar Frieslands hoofdplaats mag doen.
CULEMBORGSCHE COURANT 8-5-1920
De weduwe J.(an) S.(imons) Wassenaar te BERLIKUM heeft den Commisaris van de Koningin de eerste nieuwe aardappelen van den kouden grond aangeboden.
CULEMBORGSCHE COURANT 21-12-1884
De landbouwer J. Swart te BERLIKUM (Fr.) (út it KLEASTER-ANJUM) heeft een stier aan Noord-Amerika verkocht voor fl. 1600,-
...............................................
BERLTSUM.
Yn Jannewaris 1740 ferkeapje Reiner Sybren ’s de Jong, oerwurkmakker en syn wiif Anna Catharina Anthonia Slots te BERLTSUM dêr in hûs oan Thomas Aebes, wolkjimmer te BERLTSUM foar de keapsom fan 200 car. gls.
LJOUWERT.
Teatske Gosse ’s van Sippema, de widdo fan Jacob van Dusten, kollekteur fan de lekkens binnen de stêd Ljouwert, ferkeapet op 24- 9-1735 oan Pyter Sjoerds, Skútsjefierder te BERLTSUM, in hûs dêr foar 80 car. gn en 20 st.
L. C. 21 nov. 1795.
N. B. Nieuwe Zilversmids gereedschappen. Wie gadinge maakt gelieve zig te addresseeren by Andries (Lourens) de Vries, Mr. Zilversmid en Executeur te BERLIKUM.
(Hy wie master wurden yn 1789 en liet it sulver karre yn Ljouwert. Yn 1789 wie hy troud mei Hendrikje Daniëls. Hy is ferstoarn te Ljouwert yn 1804 of 1808.)
B. J. BOOMSMA.
Der wie ek in Benjamin Jacob ’s Boomsma (troud mei Reinou Plett) as sulversmid sûnt 6-8-1797 wurkum yn BERLTSUM. Mooglik ek yn Ljouwert. Hy wie berne te Weesp yn 1765 en yn 1796 mr. wurden en yn datselde jier te Ljouwert op 15-5-1796 yn de Westertsjerke troud mei Reinouwske Carel ’s Plett. Hy ferstoar te Ljouwert op 27 -4-1836 yn Wyk C. nûmer 49. Yn 1806 jout Boomsma oan in mastersteken mei “in beamke“ te brûken. Syn soan Benjamin jr. wie letter dêr ek sulversmid yn Ljouwert.
PASSEMIER.
In mr. Sulversmid Andries Passemier (Pieter Hans), berne te Haarlim op 1- 1-1674, yn de Westertsjerke te Ljouwert op 30-10-1698 troud mei Aaltje Meinsma, berne op 22-4-1677, ferstoarn te Ljouwert op 10-9-1739 is hjir yn BERLTSUM begroeven lykas syn frou Aaltje en trije fan syn bern, resp. stoarn yn 1754, 1707, 1710 en 1733 . Njoggen bern fan harren binne te Ljouwert begroeven op it Âldehouster tsjerkhôf. Oft hy hjir ek in koarte tiid wenne hat koe ik earst net gewaar wurde, mar dit blyk efterôf besjoen wol sa te wêzen.
L. C. 18-4-1761.
Dr. T.(adeus) R.(enici) - en S. R. van Theeken praesenteeren publyk aan de meest biedende te verkoopen: Een deftige en welbetimmerde huizinge en agter erve c. a., waarin een lengte van jaaren met groot succes een lakenwinkel is gehouden te BERLIKUM etc. ...... ........
L. C. 12-12-1792.
Klaas Klazes Osinga, boer op “Schellingwou” (“Skilwolde” Jetskereed húsnûmer 3) gelegen onder BERLIKUM, verkoopt op 14 December 1792 by Boelgoed en gerede gelden aldaar, bomen van allerlei soort t. w. 16 Abelyboomen 6 à 27 voet lang waaronder zijn van 2 voet voorts enige mispel en peerebomen welke gemakkelijk vervoerd kunnen worden vermits de plaats aan de (Ljouwerter) vaart is liggende. etc. ........ ........
(Klaas Klazes Osinga, wie op 23- 6-1748 troud mei Lolkje Gerlof ’s Baarda, en boer te Menaam, hy ferstoar te BERLTSUM op 14- 2-1832. Soan Sybe Klazes Osinga, boer, berne te Menaam op 13- 5-1774 wie troud mei Jetske Nanne ’s Cuperus, berne te Marsum yn 1790. Klaas Klazes Osinga is mar 57 jier âld wurden. Hy is de stamheit fan de Berltsumer Osinga ’s. De Jetskereed is wierskynlik neamd nei Jetske Nanne ’s Cuperus de frou fan syn soan Sybe Klazes Osinga. Pakesizzer Nanne Sybe ’s Osinga, berne te Menaam op 8 -10-1815, is stoarn te BERLTSUM op 12- 7-1888, 72 jier âld. Hy wie op 27- 5-1840 troud mei Adriaantje Heerke ’s Dijkstra, berne te BERLTSUM yn 1810, de dochter fan de skoalmaster en ûntfanger te BERLTSUM en Ytje Hendriks van der Meer. Pietje Sybe ’s Osinga, de suster fan Nanne Sybes wie troud mei de Berltsumer weinmakker Pieter Jentje ’s Larooij, de soan fan Jentje Wybe ’s Larooij, destiids ek weinmakker te BERLTSUM en te Kimswert. De weinmakkerij mei it hûs is letter yn 1867 oernommen troch Jan Gerrit ’s Hacquebart.) Pieter J. Larooij syn suster Antje wie troud mei Lolke Gerlof Kl. Osinga.
Yn 1640 wienen in Claes Jans Schellingwoud c. s de eigners fan dizze pleats en in Lieuwe Arjens mei syn mem de brûkers. Yn 1700 wie in Tiepke Seerps Gratema, troud mei Saapke Folkerts Ernstes van Gelder de eigner en in Bocke Eelses de brûker.
TWA BOEREN DY ‘t DE KOP DER FOAR HÂLDE.
(Yn ferkoarte foarm oernommen.)
Sape Hoites, is hierboer op “Tsjeppenboer”. Sybe Johannes Andringa is hierboer op “Fellingwird” (“Fjouwerhûs”). As Sybe Johannes Andringa syn hierjierren om binne komt Sape Hoites (wer) as hierboer op “Fellingwird.” Op 28-1-1670 hie Sape Hoites mei syn frou Antie Clases belidenis dien en wurdt hy doopt. En op 3- 7-1670 lieten hja twa bern dope, de âldste mei de namme Geartsje en de jongste is in Hoite. Op 14 Maaije 1671 litte hja in Aafke dope ensafuorthinne .... ....
(Sape Hoites is in broer fan ien fan myn foarbeppes t. w. Antie Hoites, yn 1632 berne op “Great-Fellingwird” ûnder MENAAM en stoarn yn 1689. Hja wie troud mei Rienck Pytters en earder mei Jacob Ottes op 27- 3- 1657 foar it Gerjocht fan Baarderadiel. W. H. P.)
Yn 1693 (wer)troude Antie Claesses oan Pier Pytters en harren dochter AAFKE Sapes trout letter yn 1702 mei Claes Jelles fan Bitgum en noch wer letter mei AEDE YSBRANDS (Stapensea) de soan fan Ysbrand Aedes (Stapensea) út Dronryp dy ’t yn 1675 te Menaam boaske wie mei Idske Wybrens.
(De namme Stapensea is ûntliend oan de ûnder MENAAM lizzende pleats “Stappens”, letter “De Stapel” neamd.) Earst hawwe hja boer west op “Westerwird”, mar op 12- 5-1708 komme hja op “Fellingwird” te wenjen. Hja krigen de pleats op foarspraak fan Gabe Botnia en Daniel Kiestra.
Dan wurdt EIGNER fan ‘e pleats HENDRIK OSINGA, berne te Boalsert as soan fan Jan Hendriks (Osinga) en dy syn twadde frou Tietie Gerryts. (De sibbe is dêr “bleeker” fan berop, fandêr de namme Oasinga, it oasen fan in protte wetter waard by it bleekjen brukt. *) AEDE YSBRANDS (Stapensea) en dy komme nei ôfrin fan de hier fan “Fellingwird” op de pleats “Schoonheim” ek ûnder it behear fan Menaam.
Op 14 augustus 1719 komt AEDE YSBRANDS syn frou (AAFKE) te rêsten. Hja sil beïerdige wurde op it tsjerkhof fan Menaam. Nou wie it dêr sa neffens de prosesstikken: “Dat alle Sathen liggende tot Menaldum yder hunne aparte Grafsteden hebben”.
AEDE joech de “buormannen” (“dat te Menaldum altoos het gebruick is geweest en noch is, dat het graf werde gemaeckt door de buermannen en door geen dootgraver”) opdracht foar syn deade frou te graven en wol ûnder in sark dy ’t by de pleats “Fellingwird” hearde, fan eigner HENDRIK Osinga. Mar as de buormannen fan “de Dyksterbuorren” op 13- 8- 1719 de moarns tusken sân en acht oere op it tsjerkhôf komme, freegje hja de timmerman Gerryt Pytters earst of ’t hy de stien (sark) al fan it grêf helle hat. Nou né, dêryn wie er fan ‘e doarpsrjochter Tjebbinga behindere, dy ‘t wer hannele yn opdracht fan HENDRIK (Jansen) Osinga. Osinga hie sein, dat it grêf fan him wie en as AEDE dêr syn deade begrave woe, moast er him dat earst freegje. Nou dan hiene hja mei inoar de stien der wol efkes ôftilt. Mar, om lêst te foarkommen, sei Tjebbinga har ren soks yn gjin gefal te dwaan, hy soe it net talitte, dat hja binne warskôge. Ja, dan steane se al efkes yn bestân, hja sille earst nochris mei AEDE prate moatte. Mar AEDE seit harren, dat hja der mei trochgean moatte. “Alsoo hij seijde beneffens sijn stiefvader Meinse Galkes, voor alle swaerigheid in te staan”. As de saken sa steane doarre hja it wol oan en sille begjinne. Mar dan komt HENDRIK Osinga der sels ek by om harren hjit op te hâlden. “Soe AEDE my frege ha, dan hie ik it net wegere, mar no ‘t er dat wegere komt syn frou ‘s lyk net yn myn grêf”.
En sa kaam it, dat as de iene partij it grêf groeven hie, it troch de oare partij wer tichtsmiten waard. Njonkenlytsen komt de lykstaesje op it Menamer tsjerkhôf oan, mar dan is it grêf wer tichtsmiten. AEDE, dy ‘t dan al lang net nofteren mear is, hjit de buormannen it grêf wer iepen te meitsjen. Dan lit OSINGA oan alleman syn eigendomsbewizen fan ‘e grêven sjen. Mar AEDE mei syn dronken gat sleurt it him út hannen en smyt it yn ‘e modder. Fan daliks begrave kin op dat stuit neat barre. De famylje en ek Ds. (Jeremias) Luitsmaterp jouwe opdracht it lyk earst mar yn ‘e tsjerke te setten. Wylst de bier mei it deafet (deadskiste) foar de tsjerkedoar stiet en de doars kaai ophelle wurdt, rint AEDE om de bier hinne en heakket op in ûnfertocht momint om dy fan OSINGA en dêr gie it oan etc. ....... ......
FOAR IT HÔF fan FRYSLÂN.
Der wurde gâns in meute tsjûgen oproppen. Der wurde ôfskriften fan grêven en bewizen by brocht. Tietske Taekes dy ‘t troud west hat mei Hoite Sapes, de broer fan Aede Ysbrands syn frou Aefke Sapes, hie noch tsjin Aede sein, “doch geen graf in Hendrik Osinga ’s te maken, dat legerstee behoorde by deselven sathe “Fellingwird”, dewijl die graven by ons elders maar als huurders zijn gebruikt en wij noch gij daer geen eigendom aan hebben.” Ek wurdt der noch yn brocht, dat Aede syn “stiefvader” (stypheit) Meinse Galkes sein hie: “Wij willen het doen tegen de wil en dank van Hendrik Jansen”. Fierder wurdt der in raar boekje iepen dien oer Aede. “Dat hij als een dronkenbroer daags en nachts syn werk er van maeckt zich dronken en vol te drinken tot minne van zijn gesin. Hij zijn vrouw en kinderen dagelijks schijnt te plagen door zich met jenever vol te gieten. Zich besopen door de Buren van Menaldum te begeven, groot rumoer maeckende” ensfh. ....... .......
Mar it lyk wurdt dochs yn it grêf begroeven. “En it Hôf beslist te gehangen en gedogen, dat de overleedene huijsvrou met name AAFKE Sapes in de grafstede te Menaldum op ‘t kerkhof, en in dewelcke deselves op ‘Hofs ordonnantie neergeset, rustig en onverandert blijve begraven, ordineert Osinga sig in ‘t vervolg van dusdanige attentaten hiertoe neffens te onthouden”. Ensfh. ensfh. .... ....
Aldus gedaan en uitgesproken in de Cancelarije binnen Leeuwarden den 15 Julij 1722.
R.(einder) S.(ierk’s) Roorda. (Ryksargyf te Ljouwert.)
Fuotnoat:
*) Sa binne bgl. de Damwâldster / Dokkumer Osinga ’s wierskylik ek oan dy efternamme kommen. De stamheit Lammert Nammen ’s (Osinga), berne te Hijum en nei alle gedachten ferstoarn te Damwâld, hy wie “mr. (linnen) BLEEKER en herbergier” ûnder Damwâlde.
HENDRIK JANSEN OSINGA.
=================
Tsjûgenis op 4 -10-1705 fan Hendrik Jansen Osinga, boer te MENAAM, .......gesond in het geloove, ende vroom van wandel. Lidmaat van de Chr. Gereformeerde Kercke (de Herfoarme tsjerke) tot Menaldum, soo veel ons bekend is etc. ............ ...............
Hendrik Jansen Osinga, tr. m. 1) in 1696 Mettie Johannes 2) op 16-2-1710 Tjitske Broers, is de soan fan Jan Hendriks en Tietje Gerrits, is doopt te Boalsert op 13-8-1665 en stoarn op 24-3-1742 te Menaam. Syn heit wie lekkenbleeker te Boalsert, fandêr de namme Osinga.
Fan Hendrik Jansen Osinga stamme de BERLTSUMER Osinga ’s ôf troch de komst fan Klaas Klaases Osinga op de pleats “Schellingwou“ oan de Jetskereed.
(Osinga foar nammen: Klaas, Sybe, Gerlof, Nanne, Heerke etc. ....... ........)
Boer Sjoerd Reitsma wenjende oan it Moddergatsreed 1a en syn soan Dick, no op de pleats “Longerhou” oan de Anskereed 2, hawwe in STAPENSEA as ien fan harren foarâlders. Ek de boeresibben Dykstra en Gerbens út Menaam binne oan de Stapensia ‘s besibbe. Sa komt bgl. de namme Aede ek yn de Gerbens sibbe foar.
As wy de troch Jellema makke stambeam leauwe meie dan giet de Osinga-stambeam werom nei in Sybren Osinga dy ’t libbe hat te KIMSWERD om 1415 hinne. (Iksels ha hjir sa myn twifels oer.)
De Berltsumer Osinga ’s binne net besibbe oan de Osinga ’s fan Skettens. Hja wennen dêr as hearen op Osinga State. It wie in rike en machtige famylje. De sibbe is al tige ier útstoarn. Hja hawwe spoaren neilitten fan grutte wearde.
(Peter Karstkarel. Út: FRIESLAND POST. April 1999.)
DE WAARHEIDSVRIEND 14-6-1918.
Ds. B. Osinga in den ouderdom van 38 jaren overleden.
Ds. B. Osinga, predikant der Ned. Herv. Gem. te De Meern, die ruim 14 jaren het evangelie heeft bediend, stond achtereenvolgens te Oudega (H.O.N.), Elten (bij Arnhem), Klundert en De Meern. J.l. Woensdag werd het stoffelijk overschot in zijne geboorteplaats BERLIKUM (Fr.) ter aarde besteld. Op verzoek van de overledene werd aan het graf niet gesproken, maar gezongen Ps. 89: 7. Hartelijke belangstelling, ook uit gemeenten die hij vroeger diende, en treffende woorden bij eene samenkomst in de consistorie deden blijken, dat het leven van deze vroeg afgestorvene niet tevergeefs was en zijn gedachtenis vol zegen is.
(Bauke Osinga wie de op 16-10-1879 berne soan fan Willem Nannes Osinga en Hylkje Baukes Postma en de pake en beppe sizzer fan Nanne Sybes Osinga en Adriaantje Heerkes Dijkstra. Syn grêfstien leit lofts fan de lytse konsistoarje.)
L. C. 11-2-1814.
De ondergeteekenden Klaas Klaases Osinga, huisman te BERLIKUM, in qualiteit als voogd, en Hylke Syses Reitsma, mr. timmerman, te Beetgum , in qualiteit als toeziend-voogd, der nalatenschap van wijlen Feye Syses Reitsma, in leven mr. timmerman te BERLIKUM, gedenken op den 19den Feburary 1814, des morgens ten elf uren precies, ten huize van de weduwe Evert Annes Dijkstra, kasteleinsche (yn “Het Wapen van Vrieslant”) te BERLIKUM, rekenschap, bewijs en reliqua van gemelde nalatenschap te doen; en roepen derhalve bij deze, alle de crediteuren op, welke om hun quots, naar evenredigheid der evengemelde nalatenschap, te kunnen ontvangen; zullende nadien geene verantwoording nog betalinge meer geschieden.
BERLIKUM, den 21 Januarij 1814.
K. K. Osinga. Junior.
H. S. Reitsma.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 10-9-1932.
HEDEN werd plotseling van ons weggenomen HESSEL (Popkes) van DOKKUMBURG, oud 7 jaren. Wij vertrouwen, dat hij is heengegaan naar den Grooten Kindervriend.
BERLIKUM, 9 September 1932.
Namens personeel en leerlingen der Herv. School,
G. Nauta, H. d. S.
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 24-3-1937.
HEDEN overleed zeer plotseling mijn geliefd kleindochtertje HIJLKJE AE. De BOER op den aanvalligen leeftijd van ruim 14 maanden.
BERLIKUM, 21 Maart 1937.
H. A. Miedema.
*****************************************
L. C. 13-4-1938.
HEDEN overleed plotseling onze geliefde vrouw, moeder en behuwdmoeder ANTJE SCHIPHOF, BERLIKUM, 12 April 1938.
De begrafenis zal plaats hebben op Vrijdag 15 April ‘s nam. 2 uur, vanuit het sterfhuis.
A.(be) van der Meulen. G. Nicolaï – van der Meulen. Richtje. Anne Willem. Lieuwkje. Minne. Renske.
( Abe, en letter syn soan Minne hienen hjir in Smidderij yn de Buorren, wer’t no stienhouwerij DUVA yn sit. )
SNEUPJENDE BERLTSUMERS.
Op it Ryksarchyf yn Ljouwert komme jo sa no en dan ek BERLTSUMERS tsjin. Is it net in Jacob Sluis, dan wol in Marten Gatse ’s Hylkema. Dan wer in Wim Kuikman fan de Boppe 12 en neam mar op. Faak bin ik jûns mei Bertus Schaaf nei Ljouwert reizge om te sneupen yn de Argiven fan it Ryksarchyf, no bekend ûnder de namme Tresoar.
Hjir folget in stikje (ynterview) út de Ljouwerter krante fan 2 -7-1994 mei (Lam)bertus Schaaf:
Bertus Schaaf hoorde 5 jaar geleden van zijn schoonvader Klaas Holste ’s Meijer een merkwaardig verhaal. Diens vader Holst Meijer was, zo vertelde hij, destijds door zijn grootouders opgevoed. Hij had zijn moeder nooit gekend, omdat ze kort na zijn geboorte naar Amerika emigreerde. Ze heeft één, misschien ook twee brieven gestuurd. Daarna is het contact verloren gegaan. Schaaf was zo door dit verhaal getroffen, dat hij op een bepaald moment besloot, er meer over te weten te komen. Hij was er vrij gauw achter, dat de vrouw, Geartsje Holste ’s Meijer, op 20 jarige leeftijd uit Hilaard naar Amerika was gegaan. Maar de ontdekking die hij daarna deed, kon pikant worden genoemd. Tegelijkertijd met Geartsje was ook een man uit Hilaard uit het bevolkingsregister uitgeschreven: de 28 jarige schilder en herbergier Otte Tsjetse’s van Oostrum. Over hem staat in de stukken, dat hij zijn vrouw en kinderen “kwaadwillig” heeft verlaten. Geartsje werkte van haar veertiende af als dienstmeisje in Boksum bij wagenmaker Auke Jacob ’s van der Stal en diverse anderen. Ze had geen man, toen ze op 27- 1-1879 haar zoontje Holst (vernoemd naar haar vader Holst Halbe ’s Meijer) kreeg. De vader van haar kind bleef onbekend. Op 25 februari beviel de vrouw van herbergier Otte van een kind. Kort daarop waren Otte en Geartsje verdwenen. Bertus Schaaf: “Se hawwe beiden in probleem hân. ”Het enige dat de familie te weten kon komen was dat beiden waren vertrokken naar Pella in Iowa. In elk geval 15 jaar later, op 19- 4-1894, kwam er nog een brief van Geartsje uit Appleton in Iowa. Dat is het laatste spoor, waarover Bertus Schaaf op dit moment beschikt. Omdat hij een gezin en een drukke baan heeft (hij is electro technicus) is er niet veel tijd en vordert hij maar langzaam met zijn onderzoekingen. Zo is hij er nog steeds niet in geslaagd, de in Hilaard achtergebleven nakomelingen van Otte op te sporen. Bovendien raakte hij van lieverlede geïnteresseerd in zijn eigen familie. Zijn vader Haaije Anne Schaaf en zijn grootvader Hendrik hebben jarenlang bij de marine gediend, en ook daarover zijn interessante verhalen bekend.
(Klaas H. Meijer wenne op de hoeke Buorren/Tsjerkestrjitte. Bertus syn pake, Hendrik Obe ’s Schaaf, is earder ek plysje west yn BERLTSUM. Sels bin ik noch ta de ûntdekking kommen, dat boppeneamde Marten Gatse ’s Hijlkema fan fierren ek noch besibbe is oan Halbe Holste ’s Meijer in foarpake fan Holst en Froukje Meijer - Beimers en Tineke (Trijntje) Jitske Meijer, de frou fan Lambertus Schaaf.)
REFORMATORISCH DAGBLAD 3 -10-2002.
VUURWAPEN uit W.O. II duikt op.
LEEUWARDEN - Hij wist het zeker. Toen de 86 jarige Haije Anne Schaaf uit Burgum in de krant las dat er een geweer was opgedoken bij de Vrouwenpoortsbrug in Leeuwarden, wist hij dat dit het wapen moest zijn dat zijn vader daar 62 jaar geleden in het water heeft gegooid. Het bericht in de krant bracht de Burgumer terug in de tijd. Terug naar 1940. Toen de Duitsers Friesland binnentrokken. Zijn vader, ex–marineman Hendrik Obes Schaaf, werkte bij de parketpolitie, nu het gerechtshof. Toen Schaaf vernam dat de bezetters in aantocht waren, gooide hij onmiddelijk zijn wapen in het water. Zonder aarzeling, want de Duitsers zouden zijn geweer nooit in handen krijgen. Jaren later, in sepember 2002, komt het vuurwapen letterlijk boven water tijdens de actie Duik Holland Schoon. Gesproken over de wegwerpactie werd er niet in huize Schaaf. “Zo ging dat in die tijd” licht Bertus Schaaf, de kleinzoon van Hendrik Obes toe. Hij wist wel van de avonturen die zijn grootvader bij de marine beleefde. Op de Hr. Ms. Hertog Hendrik, waar later zijn vader ook nog op voer. “Mij vader en moeder wisten wel van het geweer, maar hebben het er nooit met mijn broers en mij over gehad. Ik hoorde er pas van toen het wapen was opgedoken. Na wat speurwerk bleek dat grootvader Hendrik Obes werd beloond voor zijn daad. In eerste instantie was er wat herrie over, want het geweer was immers rijkseigendom. Maar later is hij juist beloond. Hij kreeg opslag, en mijn vader en broers hebben daar alle drie een deel van gekregen. Het zal niet veel zijn geweest, maar welkom was het geld zeker.” Bertus Schaaf herinnert zich zijn grootvader als een rechtvaardig en streng man. De dicipline die hem bij de marine is bijgebracht heeft hem gevormd. Dat merkte je ook later nog, toen hij bij de politie zat. “Mijn vader en zijn broers kregen geregeld met de gummistok voor de broek, als ze iets hadden uitgevreten. Als zoons van de politieman hadden zij min of meer een voorbeeldfunctie. In BERLIKUM waar mijn vader is opgegroeid, genoot mijn opa veel respect onder de mensen uit het dorp. Ik woon nu in BERLIKUM, en hoor dat nog geregeld van mensen die hem gekend hebben.” Wat er met het geweer gebeurd is onbekend. Bertus denkt niet dat zijn vader het terug krijgt als aandenken. “Daar hecht hij niet veel waarde aan. Het is aardig dat het gevonden is, maar verder is het niet belangrijk.”
L. C. 26-6-2000.
ZOEKTOCHT Friezen naar het verleden in Ryksarchief.
(Bertus Schaaf.)
FRIESCH DAGBLAD. 13-2-2010
S. C. BERLIKUM onderscheiden voor natuurbeheer
Voorbeeldig sportpark bij toeval egelvriendelijk.
BERLIKUM – “Het had acht jaar geleden niets met egels te maken, dat op Sporpark BERLIKUM het snoeihout in houtwallen werd opgestapeld. Eerder met geld”, vertelde Haaije Hoekstra gisteren met smaak aan de vertegenwoordigers van de Zoogdierverenigng. Die kwamen S.C. BERLIKUM als eerste vereniging van Nederland het predicaat “Egelvriendelijk Terrein” brengen. “We wilden graag vanuit de kantine zicht op het tweede veld hebben, maar de begroeiing was te dicht. Daarom zijn we dus fors gaan snoeien. Eerst versnipperden we het hout, maar dat bleek erg duur. Opstapelen in houtwallen was gewoon veel goedkoper”. Al gauw bleek de ingreep niet alleen voor de club voordeliger maar ook voor de natuur. Veel vogels vonden er een broedplek in de houtwallen. Bovendien zorgde het uitdunnen voor meer zonlicht op de bodem waardoor de gevarieerde ondergrond kon ontstaan. In die leefomgeving deden niet alleen vogels, maar ook insecten en zoogdieren als de egel het goed. Ook hebben de voetballers de doelnetten en de afscheidingsnetten zo gemaakt, dat er geen egels in vast kunnen zitten. Ook kunnen de dieren gemakkelijk in en uit het sportpark lopen. Dit heeft een landelijke voorbeeldfunctie. etc. .........
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
MEI OPSET SIN
Lytse Thomas Westra stiet by de feilingbrêge te gûlen.
“Wêrom gûlsto, Thomas?” freget Auke Miedema.
“Se hawwe myn bôle yn it wetter smiten”, snikket Thomas.
“Wat jammer, wie it mei opset sin?”
Auke: “Nee, mei tsiis!”
--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
FLUGGE HEPKE
Master Nauta freget Hepke oft hy it tiidwurd rinne bûge wol.
“Ik rin, do rinst, hy rint”, begjint Hepke hiel stadich.
Master freget oft it ek wat hurder kin.
Hepke: “Jawol, master. Wy drave, jimme drave, hja drave!”
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 3-4-2006.
BERLIKUMER promoveert op slateelt.
BERLIKUM. - Stefan de Graaf (32) uit BERLIKUM is vrijdag gepromoveerd aan de universiteit van Wageningen op een onderzoek naar de teelt van kropsla in kassen. De Graaf heeft een wiskundig algoritme ontworpen waardoor telers hun sla opbrengsten kunnen verhogen. Ook kunnen de onderzoek resultaten telers helpen om aan de eisen voor de hoeveelheid nitraat in kropsla te voldoen. De Graaf werkt op dit moment bij een bedrijf in Trondheim in Noorwegen.