It oargel, boud troch de destiids út Eastenryk ôfkomstige mar yn LEIEN wenjende oargelbouwer Johannes Mitterreither, is op 16 july 1780 “ynwijd”. In jier nei de tsjerkebou. It oargel yn de Koepeltsjerke hie mar ien manuaal. Yn 1854 is it oargel nochal útwreide mei in twadde manuaal. De BERLTSUMER tsjerkfâden wienen der tige mei ynnommen. Dat hja harren der ta drongen fielden om yn alle iepenheid harren tefredenens te betsjûgjen oer de treflike wize wêrop de oargelbouwer, de hear Hardorff út Ljouwert, it tsjerke oargel fan de Herfoarme gemeente yn dit doarp opholpen en ferbettere (útwreide) hie. It troch syn eabele oplevere wurk is by de eksaminaasje net allinne folslein goedkard, mar sels hielwol pryslik as treflik befûn troch doelmjittigens fan pleatsing, troch kreasens en solidens fan bewurking en troch swietlûdigens fan toan. De niisneamde tsjerkfâden mienden dêrom dan ek de bekwamens fan de oargelmakker oeral oan rekommandearjen te moatten wilens hja meiien fan dizze gelegenheid gebrûk meitsje woenen om hulde te bringen oan it bewûnderensweardige keunsttalint fan de hear J. Kamminga, oargelist te Frjentsjer, dy it oargel by de ynwijinge bespile hat. Sa waard der troch de administrearjend tsjerkfâd t. w. Klaas Rinze ’s de Groot in advertinsje set yn de Ljouwerter krante fan 25-8-1854, dit mei út namme fan it Kolleezje fan tsjerkfâden. Willem Hardorff wie oargelmakker te Ljouwert. Hy hat it fak leard by oargelmakker van Dam en wie dêrnei mastersfeint by oargelmakker A. van Gruissen. Nei it ferstjerren fan van Gruissen yn 1843 naam Hardorff syn oargelmakkerij foar in grut part oer. BERLTSUM hie it earste oargel mei sidekantbespyljen yn Fryslân.
Oargel mei it twadde manuaal
Oargel mei it inkele manuaal
Yn 1980, by de grutte restauraasje fan de Koepeltsjerke, binne dizze útwreidings fan 1854 wer ûntdien makke. It oargel is no wer yn syn oarspronklike steat werombrocht. It âlde oargel út de âlde krústsjerke is yn 1777 ferkocht foar fl. 75. - oan in timmerman út Stiens. (sjoch by de St. Vitus) It nije Mittenreither oargel hat fl. 2925–15 - 00 koste. By de lêste restauraasje is it sinken tek fan de Koepeltsjerke, yn 1894 troch it leadjittersbedriuw de Bruorren Bekker oanbrocht, ek wer yn de oarspronklike steat werom brocht mei de saneamde skoblaaien.
Yn it jier 2000 is de lantearne nochris goed ûnder hannen nommen, de lantearne is sels fan de romp fan it tsjerkegebou ôf west en wat wie BERLTSUM doe “keal op ‘e holle”! BERLTSUM kin no wer besjen lije mei syn tsjerketoer.
By de foltôging fan dizze restauraasje yn 2003 is der op Woansdeitejûn 19-11-2003 om 20.00 ûre as ôfslúting fan dizze restauraasje in “Dankjewol-konsert” hâlden (jûn) foar de donateurs en de ynwenners fan BERLTSUM. De muzikale omlisting fan dit konsert waard fersoarge troch “Equal Voices” en de popgroep “Trio Do & Ik” besteande út de Berltsumers Jan (Otto ’s) Rekker, gitaar. Hendrik (Watse ’s) Posthumus, basgitaar. Nanne (Arie ’s) Posthumus, keyboard en Marjelle Terpstra - Bloem as sjongeres.
BESCHRIJVING van het “nieuwe” orgel in de Kerk te BERLIKUM.
Dit orgel bestaat uit een manueel (klavier), waarvan de clavieren (toetsen), die aan de ene kant van het werk geplaatst zijn, beginnen met groot C’ en eindigen met drie gestreken f, dus 54 toetsen. De ondertoetsen zijn van wit ivoor, en de boventoetsen van zwart ebbenhout gemaakt. Her orgel is voorzien van de volgende stemmen (registers). Sjoch hjir ûnder fierderop. Het werk is gestemd in kamertoon (* en heeft een voldoende temperatuur (** om alle grondtonen te kunnen gebruiken; het heeft verder drie blaasbalgen, en tremulant en een windlossing (*** en is in het geheel vervat in een kast, gemaakt van best eikenhout, aan de beide zijden en beneden aan het voetstuk met sierlijk snijwerk voorzien, terwijl het van boven, of op het capiteel, met drie fraai gewerkte vazen, of stenen potten, pronkt. De maker van dit sierlijk en ten hoogsten goedgekeurd orgelwerk is Joh. Mitterreyter, beroemd orgelmaker te Leiden.
Fuotnoaten :
De voet is de lengte van de pijp en bepaalt de hoogte van de toon. Hoe langer de pijpen, hoe lager de toon. (* kamertoon. Een halve toon lager dan de orkesttoon. ( ** de temperatuur van een orgel bepaalt de toonsoort, waarbij het nog redelijk klinkt. Dit orgel is het meest geschikt voor kerkmuziek. Muziek zonder voortekens (kruisen en mollen) of met maar weinig voortekens klinkt er het beste op. (*** winlossing. Als de orgeltrappers te enthousiast bezig waren en teveel wind produceerden kon de organist een ventiel opentrekken, waardoor het teveel aan wind kon ontsnappen en het orgel weer beter klonk. Ons orgel is weer helemaal teruggebracht in de staat als hierboven beschreven. Alleen zijn er geen drie blaasbalgen meer, maar een windmotor, die de windvoorziening verzorgt en een balg die het regelt. Een windlossing was nu niet meer nodig.
Oargelmakker Johannes Josephus Mitterreither (1733- Leiden 20-1-1800) kaam út in oargelbouwerssibbe en wie berne yn Eastenryk (Graz) en wenne fanôf 1780 op de Hoogewoerde yn Leien. Hy behearde ta te wichtichste oargelmakkers út de twadde helte fan de 18e ieu. Neist hûsoargels besteane der nog ferskate tsjerkeoargels fan syn hân. Dat binne de û. o. oargels fan de Minniste tsjerke fan Leien en de tsjerken fan Eaton (Ingelân) en Woubrugge. Syn grutste wurk, it oargel fan ’e Grutte tsjerke te Hoorn, is by de brân fan 1838 ferlern gien.
OARGEL HISTOARJE fan foar 1777.
Bouwer: foar 1621 (foar 1580?)
Bouwer: Harmen Jans fan BERLTSUM? M III
Rep.: Pieter Sybe ’s de Vries, Ljouwert 1760
Neffens Joachim Heiss besiet it oargel om 1774 hinne 3 klavieren en vrij pedaal. Oargelmakker P. S. de Vries fan Ljouwert hie fan 1757 oant 1777 it ûnderhâld. It oargel waard yn maart 1777 troch de Ljouwerter oargelbouwer Miente Postumus útinoar nommen en kompleet mei kas opburgen. Nei de bou fan de nije Koepeltsjerke waard it oargel ferkocht oan de Stienser timmerman Frans Rinses troud mei Hotske Alberts en letter yn twadde boask mei Sieuke Jans.
Bouwer fan it nije oargel is Joh. Mitterreither (1780) fan LEIEN. It klavier komt oan de sydkant fan it oargel te sitten, wat no mear yn de moade komt.
Oargel yn de koepeltsjerke fan Berltsum
J. J. MITTERREITHER.
Johannes Josephus Mitterreither (1733 - 20-1-1800 Leien) is ôfkomstich út Graz yn Stiermarken (Eastenryk), wêr ’t hy berne is út in goed bekend steande oargelmakkerssibbe. Fransz Mitterreither (syn pake? ) hat tige goede ynstruminten boud yn Gösz. Johannes krige in ferbliuwsfergunning (ek in pear kear ferlinge) yn Rotterdam wêr’t hy yn’t earstoan wurke by J. J. Moreau dy ’t yn Gouda it ferneamde oargel fan de Sint Jan boude. Letter yn 1761 wennet hy yn Gouda as meiwurker fan H. H. Hess. Noch wer letter yn 1769 as hierder fan in pân yn Leien oan de Heeregrêft. Hy ferhúzet op 22- 4-1771 nei de Bolwerksoordbuurt. Hy keapet dêr wenhuzen op “de Hogewoert oan de súdside nei de Bolkwerkstraat”, dy ’t hy foar in part ynrjocht ta “werkhuys” en foar in diel wierskynlik as wenbestimming foar syn persoaniel. It is him yn de jierren 70 sa it liek tige goed gien, omdat der ek in tsjinstfaam is. Yn 1781 ferliest hy syn frou, hja wurdt op 2 - 8 te Oegstgeest begroeven. Mittereither bliuwt mei twa dochterkes efter. Syn grutste wurk, foar de Grutte tsjerke fan Hoorn, 40 stimmen op 3 manualen en in frij pedaal, gie yn 1838 mei de tsjerke yn flammen op. (in boutekening fan it oargel is ôfbylde yn Broekhuyzen commentaar, side 1038)
Mitterreither waard rekkene ta de wichtichste Nederlânske oargelbouwer út de 18e ieu. Hy boude neiernoch 40 (hûs)oargels foar de Nederlânske tsjerken, wêrfan de measte ferlern gien binne. Yn de Bonifatiustsjerke te Zaandam en yn de Koepeltsjerke te BERLTSUM is noch in oargel fan him te sjen. Hy wurdt troch syn tiidgenoaten Knock, Joachim Hess en van Heum heech prizige.
LEIDSE COURANT 30-6-1769.
Johannes Mitterreither, Mr. Orgelmaker van Gouda, maakt by dese bekend aan alle Heeren, dat hy is komen wonen op de Heerengragt te Leyden, presenterende zijne dienst aan die genen, die hem mogten nodig hebben, om orgels te maaken of te herstellen, kunnende verzekerd zijn van een prompte en civiele bediening.
Neist in oantal húsoargels binne yn Nederlân noch 9 fan syn oargels min of mear yn oarizjinele steat bewarre bleaun, en ek noch 2 kasten fan syn oargels.
L. C. 28-05-1858
Op zondag den 30 Mei 1858 in de Hervormde Kerk te BERLICUM, door W. Sartorius, muzijk-meester te Leeuwarden. Programma ’s en Toegangskaartjes zijn te bekomen by G.(errit) J.(ohannes) van Wigcheren te BERLIKUM en een half uur vóór den aanvang van het Concert aan den ingang van het Kerkgebouw aldaar. Aanvang des namiddags te 5 uur. Entrée 25 cent de persoon.
Leeuwarden, den 27 Mei 1858.
W. Sartorius. Muzijkmeester.
(Stedsmuzykmaster W.(iebe Dirks) Sartorius, troud mei Grietje Eilers Schiller, wie oargelist yn de Waalske tsjerke en ek de beierdier fan de letter ôfbrutsen “Nije toer” yn de Grutte Heech-strjitte yn Ljouwert. Mei de bou fan dizze Nije- of Sint Jacobstoer waard yn 1540 begûn.)
L. C. 17-4-1978.
BOEIENDE LEZING OVER FRIESE ORGELBOUWERS uit de zeventiende eeuw.
Op de jaarvergadering van “Folke en Tsjerke”.
....... ......... ..... ....... .......... tijdens de Hervorming werd het orgelspelen in de Protestantse kerken afgeschaft, en het was aanvankelijk enkele tientallen jaren lang gewoonte, dat iemand met een krachtige stem voorzanger werd. Maar de orgels werden, aldus de heer Douwe Jans van der Meer uit Roordahuizun, wel degelijk gebruikt. Een pûstertraper” werd meestal wel een halve dag per week besteld met het doorspelen der stemmen van het orgel, dat wel in de kerk was blijven staan. Dat stemmen (it oargelspyljen foar fermaak) gebeurde meestal op zondagavond, om de mensen uit de kroeg te houden. Omstreeks 1630 echter, werd het in onze streken weer gewoonte, orgelmuziek te gebruiken tijdens de kerkdiensten. Er was dus werk aan de winkel voor kundige orgelmakers. Omstreeks 1630 vestigde zich orgelmakers ...... ...... Harmen Jans uit BERLIKUM etc. ........ .........
Hepkema ’s Courant it lettere Nieuwblad van Friesland. wo. 20- 1-1937. no. 8.
BERLIKUM.
Reeds vroeg had de Nederlandsch Hervormde kerk een orgel. In 1612 was hier organist–kerkvoogd mr. Frans Jans. Op 18 Juli 1780 had de inwijding plaats van een door Joh. Mitterreither te Leiden gebouwd éénklaviersorgel met 14 stemmen. Het werd geëxamineerd door den Harlinger organist Jan Feddema. In 1854 is het geheel vernieuwd en voorzien van twee klavieren en 18 stemmen door W. Hartdorff te Leeuwarden. Door de fa. Van Dam is het in 1929 geheel gerestaureerd (en vergroot en voorzien van een vrij pneumatisch pedaal.) Kosten plm. fl. 5.100, - Organisten midden 18e – midden 19e eeuw - (waren) Sytse Annes Ypey, Heerke Willem ‘s Dijkstra, daarna Romke van Reenen.
Heerenveen.
J. L. de Jong L. zn.
Voor eventuele aanvullingen en verbeteringen houdt de schrijver zich aanbevolen waarvoor dan diens gedrukte lijst van Friesche Kerkorgels wordt toegezonden.
WÊROMRESTAURAASJE nei it OARSPRONKLIKE.
By de lêste restauraasje (1979) troch de firma Reil út Heerde is de wynlade wer yn de tastân fan 1780 werombrocht en de middentoer yn de oarspronklike foarm ophelle. It nije manuaal is op it oarspronklike werom brocht, lykas de pûster, ek wol balge neamd. (ien yn pleats fan trije). It mechanyk waard op nij makke lykas de registerknoppen. It piipmaterieel fan Johannes Josephus Miitenreyter krige syn oarspronklike werom (ferskate registers wienen ”ferskood”) sa it bedoeld wie yn 1780 en de kast krige syn echte (hout) kleur werom. Klaas Bolt, de stedsoargelist fan Haarlim wie de adviseur. De wer yngebrûkname wie op 14 desimber 1980. It oargel is stimme nei Werckmeister.
(Fakentide binne dizze stimmingen mei wat modifikaasje.)
Oanfolling : Sûnt 22 jannewaris 2016 waard it Mitterreitheroargel, nei de restauraasje fan in jier troch oargelmakkerij Reil út Heerde, dy ‘t ek al sûnt langere tiid it oargel yn ûnderhâld hie, wer yngebrûk nommen. Nij is, dat it oargel útwreide is mei in transposysjeklavier. It oargel kin no yn sawol de licht oanpaste âlde stimming, as begliedingsynstrumint by oare ynstruminten en solisten brûkt wurde. De restauraasjekosten bedroegen 99.000 euro en binne finansjearre mei subsydze fan : de Rykstsjinst foar Kulturiel Erfguod, de provinsje Fryslân, 13 fûnsen en in bydrage fan de Prot. Gemeente BERLTSUM. It oargel is ek it ienigste Mitterreitherorgel yn Fryslân en mei ien hânklavier en tige rom bemjitten mei 14 stimmen. It wie hiel bysûnder dat it oargel safolle registers krige op mar ien klavier. Adviseur by dizze lêste restauraasje (2015/20 16) wie de Ljouwerter oargelist Theo Jellema en Rudi van Straten fertsjintwurdige de Rykstsjinst foar Kulturiel erfguod.
L. C. 29-7-1989.
BERLIKUM. – Met de plaatsing van twee ornamenten aan weerszijden van het oude orgel in de Hervormde kerk van BERLIKUM, is de laatste wens van het kerkbestuur vervuld. Gistermiddag bevestigde restaurateur Tico Top uit Kruisweg (Gr.) het met twee muziekinstrumenten versierde houtsnijwerk aan het bijna (moat wêze: meer dan) 200 jaar oude orgel. Hiermee is de restauratie van de Koepelkerk, die van 1973 tot 1980 duurde en 3 ½ miljoen gulden heeft gekost, pas echt voltooid. De ornamenten zullen nog worden beschilderd (troch de Berltsumer Evert Algra), , en, wanneer de kas het toelaat, met bladgoud worden verguld.
Foto : Houtsnijer Tico Top befêstigt de ornaminten oan it oargel.
TICO TOP.
Pas op 26- 7-1989 is it nije troch Tico Top, houtsnijer en byldhouwer út Krúswei op it noard Grinzer plattelân te Kloosterburen deun by de Waadsee, makke lofwurk oan it oargel befêstige wurden. Tico makket gebrûk fan de nijste apparatuer, mar ek wurkmateriaal fan âlde ambachten, as gutsen, beitels, profielskaven, burinen en lûkmessen. Fan Noarwegen oant Itaalje en sels yn Japan is der wurk fan him te sjen. It meast resinte wurk binne inkelde grutte oargelpanielen út Rostock en fjouwer stuollen út it Fredespaleis yn Den Haach en it houtsnijwurk fan de tsjerke fan Zuidbroek. Hy is begûn as restaurateur fan antike meubels. Syn heit siet yn de antykhannel en as jonkje gie hy faak mei. Al jong wist hy dat hy restaurateur wurde woe. Medio de sawntiger jierren ferlei hy syn wurk en kaam der ek byldhouwurk by. (sjoch op de webside ttop.nl) It âlde troch Johannes Schadde (Schaddé) út Leien makke lofwurk wie alhiel fergien. (fermôge). It sierwurk oan de doe yn 1989 nijmakke sydkanten fan it oargel (it lofwurk) is yn 1991 ferve troch Evert Algra út BERLTSUM. De potten (fazen) op it oargel binne troch Izaäk van der Brand ferve en fergulde. De disposysje is (no wer as fan âlds).
HAADWURK :
Prestant 8’; Prestant 16’; Holpiip 8’; Quintadena 8’; Octaaf 4’; Roerfluit 4’; Quint 3’; Super Octaaf 2’; Gemshoarn 2’; Flegolet 1’; Cornet 4 st. d.; Mixtuur4 - 6st; Trompet 8’b. en d.; Dulciaan 8’.
It pedaal is oanhingjend en it klavier rint fan C oant f”
As spielhelp : de tremulant.
Stimming : Werckmeister III.
It oargel wie by de oplevering yn 1780 op keamertoan stimd, mei trije blaasbalgen fersjoen, de ûnder toetsen binne fan wyt ivoar en de boppe toetsen fan swart ikehout makke en boppe op it oargel steane trije vazen of ek wol stienpotten neamd, sa skriuwde dûmny Nota.
By de lêste restauraasje yn 2015, dy’t sa’n jier duorre hat, is it oargel útwreide mei in transposysje klavier. Omdat it oargel in heale toan leger stimd is as tsjintwurdich brûklik is, makket it lêstich om it as begelydingsynstrumint te brûken. Alle muzyk moat omset wurde. It transposysjeklavier is in geweldich helpmiddel. It oargel kin troch dit klavier as begeliedingsynstrumint no ek by oare ynstruminten en solisten brûkt wurde. It is in bysûnder ienklaviersynstrumint. Sa’n oargel hat trochgeans sân à acht registers, wilens it oargel yn de Koepeltsjerke mar leafst 14 registers telt. De disposysje is by dizze lêste restauraasje net feroare. Wol is de stimming wat milder makke. De strieljende rococo-klank is unyk yn Fryslân : in elegant en sprankeljend aspekt yn it klankbyld fan it oargel.
BERLIKUMER serie concerten succes.
Het derde zomeravond concert seizoen in BERLIKUM is gisteravond besloten. In 1980 was de Koepelkerk voor het eerst plaats van handeling : organist Wietse Adema was toen de initiatiefnemer voor een viertal muzikale activiteiten gedurende de zomermaanden. Deze zomer stonden er weer vier concerten op het programma : naast het laat achttiende eeuwse orgel van de Leidse orgelbouwer Mitterreither, kortelings gerestaureerd zoals de gehele kerk, lieten dwarsfluit, hobo en harp hun stemmen klinken. Musici van het Frysk Orkest namen, samen met organist Adema, de eerste drie concerten voor hun rekening. De akoestiek in de achtzijdige centraalbouw met de vier dragende zuilen en de hoge koepel is voortrekkelijk, het interieur, preekstoel, banken, orgelbalustrade, zijn een lust voor het oog, het zicht op de uitvoerende musici is goed en de stoelen zitten uitstekend.
R. Benes - Pusching.
(Wietze Adema wie hjir sûnt jannewaris 1980 twadde oargelist yn de Grifformearde tsjerke en dirigint fan it Kristlik mingd koar “Cantate Deo”.)
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
OVERZICHT van Stukken uit het orgelarchief van Klaas Bolt
door J. F. van Os.
Rijksuniversiteit Utrecht. Faculteit der Letteren Vakgroep Muziekwetenschap 1994.
BOLT ARCHIEF.
Û. o. yn it argyf : De geschiedenis van het Mitterreither-orgel in de Hervormde kerk van BERLIKUM skreaun troch de lettere skoalmaster Ulbe (Willem ’s) Pranger fan BERLTSUM.
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
REFORMATORISCH DAGBLAD.
26 September 1981 pagina 17
BELANGRIJK FRIES ORGEL GERESTAUREERD.
Orgel Hervormde kerk BERLIKUM in oude luister hersteld.
Groots en deftig ligt, omringt door het ruime kerkhof van BERLIKUM, de Nederlands Hervormde Kerk, een kerk die onlangs werd gerestaureerd en thans een zeer fraaie indruk geeft. Het bijzonder keurig verzorgde interieur getuigt van veel liefde voor het Huis des Heeren en als kroon op deze restauratie werd onlangs ook het waardevolle en historische orgel gerestaureerd. etc. ........ ........ BERLIKUM heeft een orgel om trots op te zijn.
Bij de beschrijving van de Boekzaal augustus 1780 staat vermeld: “Het clavier is geplaatst aan de zijde van het orgel. Als we de orgels van voor 1775 bekijken zien we dat het merendeel van deze balustrade-orgels het clavier in de achterwand van het orgel hebben. Eind 1775 zien we orgels verschijnen die het clavier in de zijwand hebben. Dit is een nieuw type dat al direckt in BERLIKUM is gebruikt en welke bouwwijze tot in de vroege 20e eeuw onze orgelbouw blijft beheersen. Een 1 à 2 klaviers orgel met Hoofdwerk en Bovenwerk, het pedaal aangehangen, gemaakt als ballustrade-orgel met klavier aan de zijkant”.
L. C. 31-12-1951.
Op 30-1-1951 is (98 jier âld) overleden Klaas Meindert ’s de Haan te BERLIKUM. Hij was 30 jaar orgeltrapper (pûstertraper) der Nederlands Hervormde Gemeente aldaar.
(Hy hie de bij-namme fan Klaas “Pûstertraper” en wie de âldste ynwenner fan BERLTSUM.)
It OARGEL yn de Grifformearde tsjerke OP DE KAMP te BERLTSUM.
Yn 1903 bouwde de fa. Van Dam in oargel foar de tsjerke op de Kamp, hokker oargel de folgjende disposysje hie :
Prestant 8’, Holpiip 8’, Viola di Gamba 8’, Violoncel 8’, Octaaf 4’, Octaaf 2’, Mixtuur 3 sterk, wilens it pedaal ien stim krige t. w. in Subbas 16’.
IT OARGEL yn de “Krústsjerke” oan de HÔFSLEANE te BERLTSUM.
Foar de nije “KRÚSTSJERKE” krige oargelbouwer Will Boegem, ôfkomstich fan Amstelveen, de opdracht in nij oargel te bouwen. Hy boude hjir in twaklaviersoargel mei frij pedaal en yn totaal 19 stimmen, in oanmerklike útwreiding yn ferliking mei it eardere oargel. Dit nije instrumint krige dizze posysje :
HAADWURK :
Prestant 8’, Holpiip 8’, Viola di Gamba 8’, Octaaf 4’, Speelfluit 4’, Nasard 2 2/3’, Nachthoarn 2’, Mixtuur 2’ 3 - 5 sterk, Trompet 8’.
BOPPEWURK :
Roerfluit 8’, Prestant 4’, Dekte fluit 4’, Sexquialter 2 sterk, Octaaf 2’, Scherp 2’ 3 sterk, Dulciaan 8’, Tremulant.
PEDAAL:
Subbas 16’, Prestant 8’, Octaaf 4’. Fierder trije koppels en in tremulant op it boppewurk. Foar it oerbringen (abstrakten is licht metaal brûkt, de nije slepen binne fan kunststof mei drukfearren. Lykas Will Boegem dien hat by de bou fan it nije oargel yn de Ned. Herfoarme Tsjerke fan Wezep, makke hy ek by de bou fan dit oargel gebrûk fan materialen út it âlde instrumint. Sa is it âlde wynlaad út it eardere oargel yn it nije ferwurke, wilens krekt as de Prestant 8’, Holpiip 8’, Viola di Gamba 8’, Octaaf 4’, Dekte fluit 4’, Octaaf 2’en dielen fan it piipwurk fan de Mixtuur brûkt waarden. Boppedat waard fan it piipwurk foar de Violoncel foar in diel de Scherp 2’ 3 sterk fan it Boppewurk makke. De Subbas 16’ fan it pedaal is ek út it Van Dam oargel ôfkomstich. De kosten wienen fl. 35.000, - (1967).
PUSTERTRAPERS yn de tsjerke op de Kamp :
As earste W. v. d. Graaf, hy emigrearre yn 1909 nei de U. S. A., dan Sipke Kuiken, Meindert Postma, Foppe Smits, Johannes Runia, Sietze van Kammen, Auke Miedema, Jakle Runia en P. van Marrum.