BERLTSUMER INISJALEN

As jo ris troch de TSJERKEBANKEN fan de Herfoarme tsjerke rinne fine jo dêr op konsintrearde plakken hiel wat KRASSERIJEN yn it (destiids ferve) ikenhout op it foar it boeklizzend bestimde part fan de banken. In protte inisjalen, mar bytiden ek mei efternammen dy ’t folút skreaun binne. De jongerein socht inoar op efter yn de tsjerkebanken en boppe de 16 jier gie it op nei de kreake ta fansels. It moat jin dan ek net net ferwûnderje, dat troch dit folkje, út ferfeling, wolris yn de tsjerkebanken krast waard en dit stuts oaren dan ek wer oan om dit te dwaan. De preken koenen eartiids bytiden lang duorje en te “dreech” wêze foar it jongfolk. It wienen hast altyd de jong-feinten dy dit dienen. De famkes wienen wat dat oanbelanget folle beskiedener. De banken en alle ikenhout is in tiid lang oerferve west (seit men) om de belesting op ikenhout te foarkommen. In no âlde belesting krekt as de belesting op de skoarstiennen en ramen.

Ik neam sa mar ris in pear inisjalen: K E S, K l, en R I P, de earste twa kin ik net thúsbringe, de tredde soe “Rest In Peace” betsjutte kinne. K K O, mei troch de O in dwers streepke soe Klaas Klazes Osinga betsjutte kinne. Ek ien mei in S yn de O, ik tink fan in Sybe Osinga. In N J O kin Nanne, berne op 11-10-1816, de soan fan Johannes Klases Osinga en Pietje Nanne ’s Kuperus wêze. In K L bgl. kin in Klaas Lautenbach wêze. Ien inisjaal is my yn elts gefâl freiwol dúdlik: Y D V S dat moat Yme Daniël ’s van Schepen wêze, de foarheit fan de Berltsumer van Schepen’s. Syn pake mei deselde namme wie op 17- 5-1772 boaske mei Yfke Joukes ôfkomstich fan Menaam. Syn (foar) âlders wienen hjir eartiids al fier foar 1800 hôfker en túnker. Hy is û. o. hierder west fan it hôf “de Fûgelsang”, in hôf tusken de Mulseleane en de Eftersteleane yn, destiids yn eigendom fan de Herf. diakonije. Makliker wurdt it mei de inisjalen R.(einder) K.(lazes) mei fol út de efternamme Hager en it jiertal 1820. Dit moat de soan wêze fan Klaas Hager en Antje Jans, en dan in P. H. Tippersma mei it jiertal 1822. Dit moat de Pieter Hendrik’s Tippersma wêze dy ’t berne is op 20-12-1798 yn Reduzum en dy ’t ferstoarn is op 28- 4-1828 te BERLTSUM. It is in namme dy ’t net folle foarkomt en no ek net mear yn BERLTSUM. Hy wie op 1 -12-1824 boaske mei Pietje Schiphof de dochter fan Eeltje Kornelis Schiphof en Dieuwke Sikke ’s Sikkema en is dus net sa âld wurden. Syn widdofrou Dieuwke is foar de tredde kear troud mei Klaas Gerlof ’s Osinga dy ’t berne is yn 1807 en ferstoarn op 28- 8 -1878. Út dit houlik stamme de bern mei de yn BERLTSUM no bekende nammen as Klaas, Gerlof en Eeltje. Yn 1898 wenne der noch in yn 1868 berne Pieter Hendrik’s Tippersma, boaske mei Eitje Schiphof, yn de Krússtrjitte. Dit sil wol in pakesizzer west ha. Dan de namme J. E. Pieterzen. Dit moat J.(urjen) de soan wêze fan Egge Pieter ’s Pieterzen. (Net te ferwikseljen mei de namme Peterzon) Egge wie hûsman (boer) op de yn de folksmûle saneamde “Schoanegevelshoeke”. (hoeke Tsjerkestrjitte / Hôfsleane) Hjir hat in pleats stien, wêrfan it oerbleaune foarein (wenhûs) letter bewenne is troch û. o. de kantonrjochter Schonegevel (Klasing Schonegevel). De skuorre wie ôfbrutsen en eftertún wurden.

Yn ien fan de trije GRÊFKELDERS yn de Herfoarme tsjerke t. w. yn de grutte, dy fan de Hemmema ’s, by de yngong fan de Koepeltsjerke, komme wy ek inisjalen tsjin op de muorre. It binne û. o de foarletters en efternammen fan K.(laas) J.(arich ’s) van der Schaaf mei it jiertal 1851 en yn 1891 T.(eake) K.(lazes) van der Schaaf en Ale Pieter ’s Bosma (de lêste foarnamme dus folút skreaun. Ale is berne op 23- 1-1843 as soan fan Pieter Douwe ’s Bosma en Janke Ale ’s Faber), allegearre timmerlju west hjir yn BERLTSUM. De grêfkelder is foar it lêst iepen west by de grutte restauraasje (1972 - 1980). It inisjaal A. P. B. 3-6-(19)05 fan Ale Pieter’s Bosma stiet trouwens ek yn it portyk fan it hûs Buorren húsnûmer 3. Oer de lêstneamden is ek wol folle mear te fertellen, wol boekdielen. Wat siz ik “boek”dielen. Ús wurd boek komt fan de boekebeam, in beam mei in glêde stam en dus tige goed te brûken foar it gravearjen fan inisjalen en fereale herten, al as net, mei pylkjes trochstutsen. It gravearjen is fan alle tiiden. Boppe yn de balken fan de Berltsumer toer binne ek in protte inisjalen en nammen te lêzen. Wa ’t skriuwt, dy bliuwt!

Dan wie der ek noch de kerfstok. Mar dat is wer in hiel oar ferhaal.

DE HEMMEMA GRÊFKELDER

Út in keapakte d. d. 1710 blykt, dat troch in Francois van Seijs, wenjende te ‘s Gravenhage, oankocht is de grêfkelder mei de grêfsark yn ‘e tsjerke te BERLTSUM, welke earder tabehearde oan it hûs fan Hemmema. Út in reversaal foar de keapsom fan lân, de Polle neamd, te BERLTSUM komt de namme foar fan in Christina Charlotte de Visscher, de frou fan boppeneamde Francois van Seijs. Noch earder blykt út in keapbrief d. d. 1692 dat in Cornelius de Visscher en Catharina Smids van Geyen te BERLTSUM biltlân ûnder Sint Anne oan Duco van Hemmema ferkocht hawwe. Dit sille nei alle gedachten de âlden fan de hjirboppe neamde Christina Charlotte de Visscher west hawwe tink ik. (Sannes neamt op side 486 fan it boek oer de opfolgjende eigners fan it Lien de Nijefinne te BERLTSUM hjir ek de namme fan in Cornelis Visscher. (yn 1677).

(De lêste Hemmema, te witten Doeke (Duco) Doekes van Hemmema (1698-21-2-1721 te Den Haach) troude yn 1710 te Den Haach mei Civile Susanna Marc-Willemsdochter, baronesse du Tour, de widdo fan Jacques, greve d ‘Aumale en markies d ‘Haucourt. Hja krigen gjin bern. Doeke is mar 23 jier âld wurden. Hy waard yn BERLTSUM by syn foarâlders begroeven (bysetten). YN DE GRÊFKELDER fan de boppeneamde yn Den Haach wenjende Francois van Seijs?)

L. C. 17-12-1824.

De Notaris F. IJ. de Boer, te Dronrijp, zal op Zaterdag den 18 Dec. 1824 des n. m. ten 4 ure in de herberg van de erven (L. H.) van der Meer, te BERLIKUM, tegen strijk- en verhooggelden veilen en provisioneel verkoopen: Eene groote en zeer geschikte HUIZING, bestaande uit 3 Kamers, voorzien van Haarden Bedsteden, Kasten, een Loots, Regenwatersbak en Put, boven dezelve een ruime Zolder en achter dezelve eene uitmuntende vruchtbare en uit onderscheidene fijne soorten van Vruchtboomen beplante Hovinge, groot 20 v Roeden, staande en gelegen op het best gedeelte van het dorp BERLIKUM no 16, thans door de eigenaren Klaas Reinders Hager cum uxore bewoond, en zulks in twee percelen; zijnde op den 12 Mei 1825 vrij te aanvaarden.

(dochter Trijntje van der Meer troude as kastleinske yn 1826 mei Dirk Klazes de Jong.)

UT SUPRA

Eene hechte en welbetimmerde HUIZING, bestaande in een Voorkamertje, een ruim Voorhuis, een Kamer, waarin 2 Bedsteden, een Haardsteed en een Provisiekas, een Loots, ruime Zoldering, voorts voorzien van een Put, Regenwatersbak, Bleekveld, en plek gronds en verdere commoditeiten; staande en gelegen op het best van het dorp BERLIKUM, no 101, thans door Pier Jarings Hofma als mede-eigenaren bewoond.

(Pier Jarigs Hofma is om 1768 hinne berne te Doanjum en stoarn te BERLTSUM op 18-3-1858. Hy wie op 24-2-1793 troud mei Geertje Klazes Hager, stoarn foar 1803, de dochter fan Klaas Douwes Hager en Janke Theunis Runia, berne om 1741 hinne te BERLTSUM en stoarn dêr ek stoarn op 13-6-1824.)

L. C. 17-12-1824.

Bij den Boekhandelaar Taeke T. Tuinstra te Franeker is uitgegeven en alom te bekomen: J. H. van Swinden, Beschrijving van een KUNSTSTUK, (dit is it planetarium fan Frjentsjer) verbeeldende een volledig bewegelijk HEMELS-GESTEL, uitgedacht en vervaardigd door Eise Eisinga, Broeder der Orde van den Nederlandsche Leeuw enz., tweede druk, vermeerderd met Bijvoegsels en drie groote Platen, Portret van den maker, en met eene Voorrede van den Wel. Eerwaarden Zeer Geleerden heer Jan Brouwer. De prijs is fl. 3: 90

L. C. 17-12-1824.

De Grietman van MENALDUMADEEL, convoceert by dezen de Floreenplichtige ingezetenen van den dorpe BERLIKUM in de Kerk aldaar, op maandag den 27 December 1824, des voormiddags ten elf ure, ten ten einde een Ontvanger der Dijksfloreen te stemmen.

BEETGUM.

G. F. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, den 11-12-1824.

L. C. 22-3-1800.

De RAAD der Gemeente MENALDUMADEEL, maakt hier meede bekend, dat door vrywillige resignatie van Douwe van Gelder, het FLOREEN ONTVANG van den Dorpe BERLICUM is komen te vaceeren, derhalve nodig, dat wederom een bekwaam Persoon, thans stemgeregtigd zynde, in deszelfs Plaats worde gestemd, wordende de Floreenpligtigen van dien Dorpe, zo In– als Buiten-gezetenen, mits genoegzaame Floreen betalende, verzogt te compareeren in de Kerk te BERLICUM, op Maandag den 7 April 1800, tot het stemmen van een nieuwe Floreen Ontvanger, ‘s morgens om 11 uur.

Marssum, den 14 Maart 1800.

Ter Ordonnantie van de Raad.

W. van Eyck, gesw. Clerq

abs. Secretaris.