G. F. van Schwartzenberg

thoe Hohenlandsberg

Georg Wolfgang Carel Duco

Georg Wolfgang Carel Duco wie it ienigst oerbleaune bern fan syn âlders George Frederik en Sophie Elisabeth gravin d’ Aumale, dy ‘t ferstoarn binne yn 1783 en 1807. Hy wenne mei syn frou Juliana Agatha op ”Great Terhorne” ûnder BITGUM en wie syn heit al as 17 jierrige opfolge as Grytman fan MENAMERADIEL. Op syn 20e kaam hy yn de Fryske Steaten. Yn 1790 is hy mei syn efternicht boaske en hja krigen 11 bern. Yn 1808 is George ferstoarn. Harren âldste soan George Frederik is letter yn 1814 Maire, dêrnei yn 1816 Grytman en sûnt 1851 oant 1858 boargemaster fan MENAMERADIEL wurden; meiien wie hy Steaten lid en ôffurdige fan it Ridderskip en Keamerhear fan de Kening yn bûtengewoane tsjinst. Hy wie yn 1812 boaske mei Henriëtta Wilhelmina Barones Rengers en krige “Great Terhorne” yn besit. Út dit houlik waarden 8 bern berne. Ien fan dizze bern, Ernest Louis thoe Schwartzenberg (en Hohenlansberg,) berne te Ljouwert op 13- 1-1827 en ferstoarn te Arnhem op 12-10-1888, is op 26-8-1863 yn MENAMERADIEL troud mei Salomea Klazina Busscher, berne op 6- 1-1844 en stoarn op 25- 1-1920.

Hichtepunten wienen de ûntfangsten op “Great Terhorne” fan Kening Wilhelm I. (1837) en Kening Willem III. yn (1852). De lêste bewenner fan it Slot wie Georg Wolfgang Carel Duco. Hy wie hjir yn BERLTSUM yn 1844 as plakferfangend Kantonrjochter oansteld en is letter beneamd as Grytman fan Haskerlân. Yn tsjinstelling ta oare riedsleden waard hy dêr net wer keazen en tsjinne hy syn ûntslach yn. Sûnt dy tiid wie hy amtleas boarger. Hy troude yn 1848 mei Juliana Agatha barones Rengers, in dochter fan de Gûverneur fan Grins. Syn frou en de 3 bern binne allegearre jong ferstoarn. Hy is 10 jier letter op ‘en nij boaske mei Friederike Emilie Schöle (*1833 yn East Fryslân-+1923 Assen), de gûvernante fan syn ferstoarne dochterke Henriëtte. Hja krigen 3 bern. Yn 1877 is it gesin nei VELP ferhûze en wennen dêr op filla “Urbana”.

Fila Urbana te Velp

Nij Terhorne

In soan fan de lêste bewenner t. w. Frederik AEmilius (1874-1945) is stoarn yn Lunteren en nei de oarloch bijset yn de (bûten)grêfkelder te Bitgum wêr ’t sûnt 1859 al safolle fan syn foarâlden begroeven binne. Twa jier letter, yn 1879, is “Great Terhorne” ôfbrutsen. Syn broer Ernest hat yn Velp in nije filla bouwe litten dy ’t de namme krige fan “De Nieuwe Terhorne”. No is it in fersoargingshûs mei de namme “Regina” en is net mear yn it besit fan de sibbe thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

De neoklassistyske Filla “Urbana” oan de Zutphenseweg wie boud yn 1837 yn opdracht fan Alexander Jacob Baron van Spaan. De ferkeaper oan G. W. C. D. van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg wie letter in Jan Warnerus Elsen. De keapsom waard betelle út de opbringst fan it yn 1879 ôfbrutsene slot “Grut Terhorne” te Bitgum. Ek dizze filla is net mear yn it besit fan de sibbe thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

Great Terhorne

Baron Ernest Louis van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg, (yn 1877 lid fan de gem. ried) in soan fan de lêste bewenner fan de state “Great Terhorne” wenne dêrnei op filla “De Kleine Terhorne” oan de Jonkersleane húsnûmer 6 te Bitgum. It is no net sa kenber mear as filla en der is in protte oan ferboud. It hûs hat no de namme “De tyd scil it leare.” Ernest Louis wie, as út supra neamd, yn 1863 boaske mei Salomea Klazina Busscher, berne yn 1844 te Siddeburen as dochter fan Remmo Busscher, berne te Winschoten om 1800 hinne, en te Frjentsjer op 1-2-1838 boaske mei Klazina Johanna Braak, berne om 1814 hinne te Vollenhove. Remmo Busscher wie húsdokter te Bitgum en Bitgumermole en lid fan de doopsgesinde gemeente fan BERLTSUM. Ernest Louis en Salomea Klazina krigen 8 bern t. w. Georg Frederik, berne op yn 1864 en ek ferstoarn yn 1864, Georg Frederik, berne yn 1865, Klasina Johanna, berne yn 1867, Remmo, berne op 15-2-1869, Ernestine Louise, berne op 13-11-1870, Henriëtte Wilhelmina, berne op 9-11-1874, Willem Herman, berne op 27-2-1879 en Hermina Jeanette Alberta, berne op 20-4-1880, de lêste 5 neamde bern allegearre berne te Bitgum.

Klein Terhorne

L.C. 29-04-1879

Veiling op afbraak

Mr. C. Wiersma, notaris te Leeuwarden, zal op Dingsdag den 6 Mei 1879 des namiddags te 12 uur, provisineel en op Dingsdag den 10 Mei daaropvolgende mede des middags 12 uur finaal, telkens ten huize van de Weduwe Jacob A. Dijkstra aan de Beetgumermolen onder Beetgum met genot van Strijk- en Verhooggeld op AFBRAAK verkoopen:

HET SLOTGEBOUW op het Buitengoed GROOT TERHORNE te Beetgum, met kelders, fundamenten en verder aanbehooren. Van de verkoop blijven uitgesloten: het in de Zuid-oosthoek afzonderlijk staande gebouwtje met den daaraan verbonden walmuur en verder in het water staande fundamenten der twee kelders tot op 25 cm boven water, en wel tot aan het brugje. Voorts de Windwijzer op de toren, benevens het in den toren geplaatste Uurwerk met Klok en Gewigten en aanbehooren, als ook de Steen met jaartal in den toren geplaatst etc. ........ ........

EEN GROOT GEBOUW staande en gelegen naast het vorige, bevattende koetshuizen, stallingen, hooizolders en bergplaatsen met fundamenten, pomp met looden pijpen en verder aanbehooren etc. ...... ......

HET TOREN UURWERK met KLOK, gewigten en verder toebehooren, welk een en ander binnen 14 dagen na de finale veiling zal moeten zijn weggenomen en vervoerd.

EEN BRUGJE, hetwelk over de gracht heeft gelegen.

Door het graven van een geschikte opvaart kan de afvoer der materialen te water plaats vinden. De betaling der kooppenningen etc. ....... .......


De timmerman - oannimmer Jan Gerrit ’s Hacquebart fan BERLTSUM hat it Slot ôfbrutsen en in protte ôfbraakmateriaal ferkocht. De stien is foar in grut part yn BERLTSUM brûkt by de bou fan de huzen op de doedestiids en de letter saneamde Hacquebart (Hakkebak)streek (pl. bek. as Buorren 13 -27), lizzende sawat neist de earder boude Sybe (Osinga) streek. Tusken de huzen Buorren de húsnûmers 4 en 6 is ek noch in húske troch him boud, hy wie nl. yn 1876 eigner fan húsnûmer 4 (hjir wenne yn it lêstoan Gerben Joh. Peterzon alias “Geb flie”), allegearre boud foar de ferhier. Alle huzen binne no al wer ôfbrutsen. Allinne de wizerplaat (sûnder de wizers) yn de gevel fan it hûs Buorren nûmer 4, ek ôfkomstich út dit slot, dogge ús noch weromtinken oan dy tiid fan de eallju dy ’t hjir de tsjinst útmakke hawwe. It wie dien mei harren machtspolityk.

Hacquebart streek BERLTSUM

J. G. Hacquebart hie it slot op ôfbraak kocht yn 1879 foar fl. 2520, -, Willem Alexander de Rapper út Arum idem it koetshûs foar fl. 740, -, Pieter Sikke ’s Reisma út Menaam (timmerman, earder wenjende te BERLTSUM en troud mei Janna, de dochter van Gerrit Piers de Jong) it toer-oerwurk mei wizerplaat foar fl. 45,- en Cornelis Sikke ’s Reisma fan Bitgum it bregje oer de grêft foar fl. 11, - De wynfaan mei dêryn it van Schwartzenberg thoe Hohenlansbergwapen is yn it Frysk Museum teloane kommen.

(Ynljochtte troch Ronald van Schepen oarspronklik ôfkomstich fan Bitgum mar mei Berltsumer “roots”)

It perseel “Sybestreek” wie earder (1832) yn eigendom fan Bauke Arend Roorda en waard brûkt as hôf. It perseel “Hacquebartstreek” wie earder (1832) yn eigendom fan Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg en waard brûkt as tún.

(Neffens it Aardrijkskundig Woordenboek van de Provincie Friesland út 1833 moat “Great Terherne” earder “met zware mopstenen opgetrokken” west hawwe.).

GREAT TERHERNE.

Der is in beskriuwing út 1630 fan “Great Terhorne”, it slot fan de Schwartzenbergs te Bitgum, dat der oan it midden fan de 19e ieu (1879) stien hat. Wy hearre, dat de húzing mei laeijen dutsen wie. Der wie ûnder in foarhús, in ytseal, noch in seal, in greate keamer, in pear kabinetsjes, in leskeamer (“skoaltsje”) in kantoar (“boerokeamer”), in wapenkeamer (“rustkeamer”) en in kleansouder. Dan wienen der noch trije toerkeamerkes, wylst der om it hûs, alteast om in diel dêrfan, in gallerij hinne roun. By de brêge wie in poartegebou. Dan wienen der in koetshûs, in brouhûs, in waskhûs. Ek wurde noch apart neamd in fleis- en molkenkelder en in moalsouder.

En fierder:

Oan túnoanliz waerd al hiel hwat oandacht jown. Om 1729 hinne ûntwerpe (* Daniël Marot, mei detailynfollings troch Jacob Marot, foar Georg Wolfgang (II.) baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg in tún. Om it slot hinne wie in greate tún mei dêromhinne in brede grêft, dêr‘t de swannen yn swommen en dêr ‘t yn fiske waerd. Boppe de poarte wie it wapen fan de bewenner oanbrocht en boppe de yngongsdoar jitris. Georg Frederik (III.) liet de State yngripend feroarje. Yn 1805 liet hy û. o. de bastions ôfbrekke, de trepgevels flak meitsje en de muorren bepleisterje. Dêrneist lei hy nochal wat bosk oan. De túnen om de State hinne wienen mei harren grutte ferskaat oan blommen yn it hiele lân bekend. Yn it foarhús, de seal of greate keamer hongen de famyljeportretten. As in aadlike famylje lang op sa ‘n Slot of State wenne hie wienen op it lêst dy portretten oeral to finen. De neiste famylje hong deunby, de fierdere famylje ek wol boppe.

Agatha Tjaerda fan Starckenborgh

Wy witte ek, hwa ‘t der yn de 17e ieu op “Great Terherne” wenne hawwe. Om 1650 hinne wie dat Georg Frederik thoe Schwartzenberg (1605 - 1679) en syn wiif Agatha Tjaerda fan Starckenborgh (1620 - 1670) en har trije bern Johan Georg (1637 - 1674) Georg Wolfgang (1638 - 1674) en Isabella Suzanne (1639 - 1723). De Schwartzenbergs wienen yn de 16de ieu út Dútslân weikommen en behearren ta it hjir yn Fryslân moai machtich tal aadliken fan frjemde komôf.

Georg Frederik thoe Schwartzenberg

Yn 1868 ferstoar te Bitgum op Nieuw Terhorne, de âld-grytman fan Menameradiel, Georg Frederik (III.) 77 jier âld. Fan syn fjouwer soannen erfde de âldste, Georg Wolfgang Carel Duco, de State. De weromrinnende ynkomsten út oerheids- en oare bestjoersfunksjes, de ekonomyske efterútgong en it partsjen fan it grûnbesit ûnder de fjouwer soannen makken it ynstân hâlden fan de State úteinliks net mear mooglik. Wie om oan jild te kommen de bibleteek yn 1864 al ûnder de hammer kommen, yn 1872 waarden in protte beammen ferkocht en yn 1879 nochris, mar de State wie net mear te rêden. Op 6 maaije 1879 waard de State op ôfbraak ferkocht en dêrnei mei de grûn gelyk makke. It restant fan de beammen waard kappe en it park ta bou- en greide makke. Allinne de beammen fan de singels bliuwen stean. It om 1850 hinne plantte Bitgumer bosk is ek as restant oerbleaun.

(* Fuotnoat:

De túnarsjitekt Daniël Marot (1661-1752) moast út Frankryk flechtsje doe ’t “It Edikt fan Nantes” it Protestantisme ferbeaën. Yn Nederlân oankommen waard hy, omdat hy fertroud wie mei de Franske hôfstyl fan Loadewyk XIV., troch steedhâlder Willem III. as syn eigen dekorateur beneamd.

L. C. 9-2-1904.

VERKOOP van huizen en erven.

Door notaris Alma bij D. G. Visser.

A. een nette burgerwoning in de Kruisstraat, laatst bewoond door de weduwe J. G. Hacquebart.

B. 15 woningen met erven op de HAQUEBARTSTREEK samen groot 10 are 14 centiare. etc. .... ...

(De “Hakkebakstreek” waard yn de folksmûle ek wol “de mûzestêd” neamd fanwegen it tige deun op inoar wenjen (op 10.14 are) fan de 14 gesinnen dêr. Op de “Sybestreek” (Sybe Osinga) wie itselde it gefal mei de yn 1872 neist syn wenhûs boude 12 wenten, op 13-12- 1919 publyk as ferhierd ferkochte en no alwer ôfbrutsen wenten efter it wenhûs Buorren húsnûmer 19.)

Sjoch it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op de siden 142 en 143 .

MISKIEN NOCH AARDICH OM TE WITTEN.

Aardich om te witten is dat yn 1681 de manlike line fan de (Roomske) Cammingha ’s (tink oan > Cambuur, en it yn 1691 oankochte “Amelân–hûs” etc. yn Ljouwert) útstoar en sa kaam it Amelân yn hannen fan de sibbe Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Troch houlik ferbûn mei de Cammingha ’s erfden hja de “Frije Hearlikheid” nei it ferstjerren fan de lêste manlike Cammingha. Oant 1704 wienen hja “Hearen fan it Amelân”. Yn 1704 wurdt it Amelân ferkocht oan de erfsteedhâlder fan Fryslân t. w. Johan Willem Friso van Oranje. Yn 1798 ferlear it Amelân har selstannigens en waard ûnderdiel fan de Bataafske Republyk. De Heerlikheidsrjochten waarden ôfskaft. Nei de Frânske tiid waard it eilân in part fan de Provinsje Fryslân. It Amelân waard in Gritenij, de Fryske foarrinner fan de Gemeente. (Yn 1405 wie in Pieter (Peter) Gerrits Cammingha, berne yn 1380, al Heer fan it Amelân.)

De Camminga’s wienen sûnt Karel de Grote oant 1681 Frij – en Erfhear fan it Amelân. Ûnder de Roomske Cammingha ’s wennen in protte minsken op it eilân dy ta in godstjinstige minderheid behearren lykas bgl. de Minnisten, mar ek minsken mei in ôfwikende miening wienen wolkom op it eilân. De Cammingha ’s behearren sels ommers ek ta in (Roomske) minderheid! Sa is ek de stamheit fan de BERLTSUMER Lautenbach‘s t. w. JACOBUS LAUTENBACH (* (hy wie Kalvinist en is ek ien fan myn foarpakes) ris op in nacht yn 1605 om de 20e maart hinne nei it AMELÂN flechte, wer’t hy oant desimber 1610 ta syn ferbliuw hân hat. Hy wie de Sosiniaanske tinkbylden (oer de Godlike natuer fan Kristus, Hy soe allinne mar minske west hawwe, gjin trije-ienheid, gjin plakfefangend lijen) tadien en woe dy net herroppe en ferlear dêrtroch ek syn baan. Dit hat hy letter (blykber) wol dien want hy is dêrnei wer op de fêstewâl kommen te wenjen.

Fuotnoaten:

(* JACOBUS LAUTENBACH wie Gerjochtsholt (Presidint fan it Militêr Gerjochtshôf wurden – nei wat strideraasje - op foardracht fan “Ús Heit” ofwol Willem Loadewyk, dy ’t letter sa ’t bliken dien hat, ek syn beskermhear west hat.) te Ljouwert yn opdracht fan de Steaten fan Fryslân. Hy hie om syn Sosiniaanske tinkbylden (Faustus Socinus) op 1 maart 1605 besite hân fan de Fryske Deputearren Wiarda en Oenema, fan ds. Johannes Bogerman, *) dûmny yn Ljouwert en Greve Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg (Ús Heit) om him te freegjen oft hy “by syne dwalinge” bliuwt, mar hy woe syn tinkbylden net werroppe. Dit waard oan Deputearre Steaten fan Fryslân meidield en hy ferlear dêrtroch syn baan as Gerjochtshold en fierdere maatregels koenen natuerlik net útbliuwe sa wie de ferwachting. Oars tinke waard yn dy tiid net tolerearre. Doe ’t Greve Willem Loadewyk (syn beskermhear) foar ûnderhannelings nei Hollân moast is hy om deselde tiid hinne nei it (feilige) Amelân yn ballingskip gien. (flechtte) It eilân wer ’t in neikommeling fan boppeneamde “Ús Heit” t. w. Johan Willem Friso (fia syn mem Henriëtte Amalia, foarstin-widdo van Nasau) yn 1704 ek de eigner fan wurde soe foar de keapsom fan 170.000 Carolus gûnen. It wie in “Frije Hearlikheid” wer ’t de Steaten fan Fryslân neat te sykjen hienen. De ferkeaper, de lettere erfgenamt fan de Cammingha’s, t. w. Thoe Schwartzenberg, hie net folle belang by it eilân.

*) De heit fan boppeneamde dûmny fan Ljouwert Johannes Bogerman, ek in Johannes Bogerman, wie ek flechtling west om it leauwen. Hy wie wierskynlik berne yn de omkriten fan Kollum of Dokkum. Yn 1564 waard hy pastoar te Kollum, mar hy moast yn 1567 flechtsje fanwegen it omearmkjen fan de lear fan de Reformaasje, wêr ’t ek liif- en deastraf op stie. Hy flechtte nei Embden wer ’t in protte útwikene Grifformearden yn dy tiid harren taflecht sochten. Yn syn nije heitelân waard hy yn 1574 dûmny te Jennelt en yn 1576 te Uplewert, beide yn East-Fryslân. Yn Uplewert waard út syn houlik dêr de ús wolbekende yn 1576 Johannes Bogerman berne. Dizze soe de foarsitter wurde fan de ús sa bekende Nasjonale Synoade fan Doardrecht. (1618 - 1619) Bogerman sr. kearde yn 1580 yn Kollum werom, doe ’t de Steaten fan Fryslân yn 1580 it beslút nommen hienen dat alle pastoars ús gewest ferlitte moasten en sûnt 15 novimber 1580 net mear de Roomske mar de Reformearre tsjerke de offisjele tsjerke wêze soe, en waard dêr as earste dûmny befêstige. Nei it ferrie fan Rennenberg en it weromkommen fan de Spanjoalen (yn it Grinzerlân) moast hy op ‘en nij flechtsje mei it ferlies fan al syn besittings. Hy bejoech him nei Boalsert. Op 6-11-1580 die hy dêr yn yntrede. Hy besocht in protte Synoade gearkomsten en hat dêr in protte wurk foar dien. Syn soan en genamt hie it dus net fan in frjemde, ek hy hat in protte yn it Noarden fan ús lân dien op it tsjerklik mêd. No moast yn harren eagen eltsenien de lear fan de Reformaasje tadien wêze, en wa ’t oars tocht. etc. ........ .........

Yn it doarpsblêd ”De Mienskip” fan Kimswerd nûmer 6 fan it jier 2006 lies ik by “Priesters en Dûmnys yn Kimswert”, dat de pastoar fan Kimswerd Sibrandus Jacobi (Sybren Jabikssoan) yn 1567 twongen waard om Kimswert te ferlitten en dat in pastoar fan Kimswert, in Doede Sikkes, te BERLTSUM deaslein wêze soe. Oh, dy Berltsumers fan doe? (Neffens doarpsblêd “De Mienskip” fan Kimswerd waard harren lêste pastoar Doede Sikkes yn 1579 te BERLTSUM op in kermis deaslein troch in hurde klap doe’t hy dêr bemiddelje woe tusken in stel feestgongers en in pear rûzjesikers. Op in ynhierd skip is de ferstoarne dêrnei nei Kimswerd werom brocht. Hy woe by de Berltsumer pastoar op besite gean mar dy wie net thús.)

FRIJE HEARLIKHEDEN

Skylge, it Amelân en it Skiermuontseach wienen ieuwenlang saneamde frije hearlikheden, wêr ’t de Steaten fan Hollân of Fryslân neat te fertellen hienen. Dy situaasje wie foar eltsenien befredigjend: foar de Hollanners en de Friezen fan it fêstelân omdat dy sa min mooglik te meitsjen hawwe woenen mei de rauwens fan ‘e eilânbewenners en foar de eilânbewenners omdat hja harren frijheid koesteren. Mar doe’t greve van Aremberg, eigner fan Skylge, ûnder de Opstân de side keaz fan ‘e Spanjoalen, feroaren de Hollanners fan miening. Hommels wie Skylge, lizzende oan de mûning fan de wichtichste farrûtes fan ‘e Hollânske hannelers, fijannich gebiet wurden. Yn 1583 liven dêrom de Steaten fan Hollân it gebiet yn. Dêrmei kreëarden hja tagelyk in goede beskerming tsjin in ynvaasje fanút see. (Yn 1615 waard Skylge offisjeel oan ‘e Steaten fan Noard-Hollân ferkocht. Op 1-9-1942 waard Skylge troch de Dútsers by Fryslân ynlive.) De Amelanner frijheid – waans eilân altyd in folle mindere promininte rol yn de skiednis spile – duorre dan ek langer, hoewol dy ek djoer betelle waard. Op dit eilân wienen sûnt de njoggende ieu de Cammingha’s de algemien erkende hearskers, dy ’t nei eigen ynsjoch en goedtinken de oarder op it eilân hânhâlden. It wie in frijplak foar oarstinkenden of foar oanhingers fan in op it fêste lân beknotte religy. Dy fûnen op it eilân de frijheid wêr ‘t hja op it fêste lân amper fan dreame koenen. In protte werdopers fûnen dêrtroch harren wei nei it Amelân en sels feroardiele misdiedigers koenen hjir in nij libben begjinne. De status fan frije hearlikheid duorre foar it Amelân oant it ein fan ‘e 18de ieu, doe ’t de Frânsken Hollân besetten en úteinliks ek it Amelân yn 1798 definityf anneksearren. Inkelde jierren dêrfoar wie de lêste hear van Cammingha al flechte. It Skiermuontseach waard langer fergetten. Pas oan it ein fan ‘e Twadde Wrâldoarloch – dy ’t op ‘e Waadeilannen oer it algemien opmerklik rêstich ferrûn – anneksearre Den Haach dit Waadeilân, dat op dat momint noch yn it besit wie fan ‘e Dútske greve Bechtold von Bernstorff. Ik wit noch, troch myn wurk, dat notaris B. Bolwijn fan Eanjum, syn bewâldfierder, him út syn namme him hjir tidenlang noch tsjin it ûnteinigjen fan dit eilân fersetten hat. Yn 1869 waard troch de eigener John Eric Banck, hear fan it Skiermuontseach tusken 1858 en 1893, fan it eilân in modern badplak makke, wêr ’t in elts dy it mar woe, rêst en romte fine koe. De sûne seelucht wie ek goed foar de bern, sa waard doe tocht. Dit barde ek yn ‘e jierren tritich fan ‘e foarige ieu op ‘e oare eilannen. Sa wienen de oan inoar besibbe famyljes Fahner en Winters út Ljouwert (broer en suster) de earsten dy ’t op Flielân twa fekânsjehúzen delsette lieten, ek foaral om de sûnens foar harren bern. It wienen de simmerhúzen mei de nammen “De Instuif” en “De Golfzang.” Se steane der no noch op it grutte hege dún oan it begjin fan ‘e Badwei. Wy binne der gauris west. Om 1920 hinne wennen der op Flylân noch gjin 300 minsken. En dat wienen benammen âldere minsken. Der waard yn Den Haach sels oppere om it eilân mar oan de see oer te jaan. De Nederlânske oerheid hat der trije jier lang serieus oer neitocht. Úteinliks is it sa fier net kommen, omdat de Waadeilannen goede buffers bliken foar it fêstelân.

SAMAR IN PEAR NAMMEN FAN SOLDATEN, dy ’t yn Dokkum foar it Dokkumer gerjocht yn ûndertrou gien binne en dy ‘t dêr ûnder (kaptein) Lautenbach tsjinne hawwe.

It wienen: In soldaat Borchart, troud mei in Geertien Dircks, ôfkomstich fan Selderwijck, (1606), in Adam Cock, troud mei Griet Pytersdr., soldaat, ôfkomstich fan Lochum (1607), in Albert Oelmans, troud mei Dieu Jansdr., soldaat, ôfkomstich fan Dorstet (1607), in Anthony Jorck, troud mei Griet Jurgens, tamboer (1607), in Beernt Muller, soldaat, troud mei Tiesck Olferts, (1607) en in soldaat Borchart, troud mei Beauck Sydsdr., ôfkomstich fan Kene. (1609), in soldaat Dirck Lange fan Reborch ôfkomstich troud mei Margriete Griemmersmer (1607), in Dirck Hessen, troud mei Rycxt Hendricx dr. , soldaat ûnder Lautenbach van Wolffenbetel (1606), in Balthus Wagholt fan Olde Brandenburch ôfkomstich, troud mei Bets Jelmers dr. fan Kollum ôfkomstich, (1607), in Albert Coninck, ôfkomstich fan Lochum, troud mei Anne Pieters dr. (1607), De soldaten kamen dus net allinne út Fryslân mar oeral wei. It wienen allegearre hiersoldaten yn Dokkum legere. (Lautenbach van Wolfenbeutel is te Dokkum yn 1606 yn ûndertrou gien)

..................................................................

--------------------------

-------------------

-----------


LISKIËN LAUTENBACH.

Christiaan Heidelman waard yn 1646 lidmaat fan de Grifformearde tsjerke fan BITGUM, wêr ’t hy opfieder (pedagooch) wie oan it hûs fan Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Op 21 septimber 1657 is hy as dûmny approbearre te HIMPENS en is dêr ferstoarn yn febrewaris 1672. Op 5-10-1657 wie hy lid fan de Klassis. Hy wie yn july 1652 troud mei Liskiën Lautenbach dy’ t yn 1629 berne wie as dochter fan Willem Lautenbach.

(Sjoch ek by: Eetse Tigchelaar te Himpens)


GEERTRUYD (GEARTSJE) LAUTENBACH.

Geartsje Lautenbach wie troud mei Duco Sabinus van Jongestall, de soan fan Gellius Wibrandus van Jongestall. Dizze Gellius wied berne yn 1658 en triek al betiid op mei syn omke Willem van Haren nei de stêd Aken en waard yn 1678 Grytman fan Hemelumer Oldephaert. Hy wie troud mei Ida Lezaen van Wissema en sette 5 bern by him oan wêrûnder boppeneamde Duco Sabinus. Dizze wie kornet fan in kompanjy rúters yn Steatse tsjinst en gie letter nei East-Ynje, wêr ’t hy him in grut fertún oanwinne liet. Hy is stoarn op 28-3-1688 te Hallum. (Ik tink fan op “Ondersma State” ûnder Hallum.) Geertje Lautenbach wie doopt te Wergea op 2 novimber 1688 as dochter fan Willem (Wilhelmus) Lautenbach en Sara Couperus. Willem wie dêr yn Wergea skoalmaster, sirurgyn en doarpsrjochter en in pake en beppesizzer fan de Goutumer dûmny Wilhelmus Lautenbach en Theuntje Pieters. Yn de Martinustsjerke te Warns fynt men no noch boppe yn de monumentale sânstjinnen yngongspartij mei doaryske pilasters , in fries en in yn it segmintfoar mich fronton opnommen namme mei it wapen fan Gellius Wibrandus van Jongestal. Dit wienen sa mar twa oan in protte Berltsumers besibbe froulju út de Lautenbach sibbe.

(Foar fierdere famylje skiednis, sjoch it Lautenbachboek.)

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 2-7-1913.

Advertinsje:

Op 27-3-1784.

VERSCHENEN bij H. Post te Leeuwarden.

Een Latijnsch vers op het afsterven van Grytman (Georg Frederik) van Schwartzenberg en Professor Schrader door ds. P.(etrus) (Douwes) Nota te BERLIKUM.

L. C. 20-2-1951.

GROOT TERHORNE natuurgetrouw nagebootst.

(De skiednis fan de State, dy ’t eartiids ûnder Bitgum stie.)

Maquette "Groot Terhorne"

L. C. 28-9-1984.

GROOT TERHORNE, centrum Friese adel.

(Oer kastiel “MARTENA” / “Groot Terhorne” ûnder Bitgum.)

---------------------------------------

BESCHRIJVING (yn de tsjintwurdige stavering) van de nieuw gebouwde kerk te BERLIKUM door PETRUS NOTA, bedienaar des Goddelijken Woords te BERLIKUM.

Uitgegeven by Dionisius Romar, boekverkoper te Franeker, in 1781.

HET NIEUWE en schone Godshuis, hier ter plaatse, is een octogoon (achtkantig) gebouw, zijnde 4 muren circelrond en 4 lijnrecht, breed in zijn diameter 66 voet *) en hoog van muurwerk 37 voet. Het is geheel, ten opzichte van kolommen en lijsten, naar Dorische orde, en heeft 3 ingangen van welke de ene, die naar de voornaamste straat van het dorp gekeerd is, een hardstenen poort is, waarboven in het (gebogen fronton) frontspies het Wapen van de Hoogwelgeboren Heer Grytman van Schwartzenberg is uitgehouwen, en is daarvoor een groot bordes van blauwe steen (is Belgyske hurdstien), 3 treden hoog. In ieder der 7 kanten van het van gebakken steen gemetselde - en boven onder het dak met een zeer fraai betimmerde lijst onringde muurwerk is een lichtvak. De kap is van eiken bintwerk, op de wijze van achtkantige molens, en verder met delen en leiwerk cirkelrond gekoepeld en met nissen voorzien, zowel in de kap als in het muurwerk; op de koepel is een achtkantig met lood bedekt blasson **) en daarboven een achtkantig bintwerk, 24 voet hoog; daaronder een getimmerde balustrade en boven een lijst, zoals om het muurwerk; daarop een met leien gedekte koepel, die van buiten onder de lijst aan twee kanten met versierde wijzerplaten en van binnen met een grote klok ten dienste van de inwoners voorzien is.

BINNEN in de kerk zijn 4 gestucadoorde kolommen met fundering, voetstukken en kapitelen, waarop de kruisbalken rusten. Rechtstandig op deze kruisbalken rusten ook 4 zuilen voor het bintwerk van de klok. (letterlijk: “Op deze kruisbalken zijn mede 4 kolommen, perpendiculair boven de eerste tot rust gebracht, voor het klokkebintwerk”) Van de muurplaten tot over de laatstgenoemde 4 zuilen is een hemel, lichtblauw geverfd, in het midden waarvan een achtkantig plafond geplaatst is met een sierlijk gestucadoorde roset; de muren zijn van binnen ook rondom met een zeer fraaie gestucadoorde lijst voorzien. Achter de ingang van de grote poort is een zeer fraai portaal met pilaren, lijst- en paneelwerk; daarboven een frontspies en voor het overige is al het binnenwerk van massief eikenhout gemaakt. Tegenover de ingang is het orgel geplaatst, dat op 2 zuilen rust en dat met een zeer fraaie lijn met de balustrade en versierde lijsten tot aan de gestucadoorde zuilen loopt, terwijl zich aan weerszijden van het orgel een dichte balustrade bevindt.

Ynterieur Koepel tsjerke Berltsum

BOVEN het orgel is een zoldertje, waarop een uurwerk, waarvoor op een der kruisbalken een frontspies met wijzerplaat getimmerd is. Voor een van de rechtlijnige kanten is in de zuidzijde van de kerk een doophek gemaakt met uitgesneden balusters (afgeleid van het Latijnse balaustion, de bloesem van de wilde granaatboom) in antieke stijl. Daarin (in het doophek) een preekstoel, rustend op een voetstuk, opgaande met 3 rechte en 2 ronde zijden, zeer sierlijk gesneden. De oostkant of de ingang beeldt de Waarheid uit; (boek, skriuwfear) de noordoost kant de Lente; (fûgelnêst, tulpen ets.) de voorkant de Zomer, (nôt, sichte, ets.) de noordwest kant de Herfst (drúven, parren) en de westzijde de Winter, (û. o Fryske ‘doorlopers’) alles met zeer natuurlijke figuren. (Ek is dêr ûnderoan in skelp te sjen. Dit soe der op wize kinne dat hjirmei BERLTSUM as earder wenplak oan see bedoeld wurd.) Het rugschot (it dorsaal) (mei baretknop) is betimmerd tussen twee opgaande gestucadoorde pilaren waar de kap op rust; naar de preekstoel is een (* steektrap met een sierlijk gesneden doorvlochten leuning en boven een kap, gevormd naar het model van de stoel, met zijn paneel en lijsten en zes gesneden “schinkels” erop, van een versierde vaas voorzien. Tegenover de preekstoel, aan de noorzijde, zijn 3 besloten gestoelten, waarvan er twee met een verhemelte bedekt zijn, ieder rustend op twee kolommen.

(* lykas gewoanlik by de measte preekstuollen oan de lofterside. Hast alle preekstuollen steane op de súdkant, hjir dus ek. De lêste dumny dy ’t hjir noch mei toga EN baret rûn wie ds. Van Wakeren. De baretknop waard noch troch him brûkt.)

RONDOM aan het muurwerk is een nette lambrizering met pilaren en lijstwerk en daarvoor drie rijen lessenaars met plinten, staande panelen en zitbanken voor de mannen. Verder zijn in de Zuidwester en Noordwester hoeken der kerk nog twee portalen ter hoogte van de lambrizering, voor de twee gemetselde ingangen vervaardigd. De opstappen in deze herenbanken zijn zoveel mogelijk zo geschikt dat zij ten opzichte van de predikant of van de voorzijde der preekstoel, loodrecht achter de kolommen opgaan.

TUSSEN de vier grote kolommen, aan weerszijde Oost en West, zijn 12 vrouwenbanken geplaatst waarvan er twee besloten zijn en verder is de overige middenruimte in het vierkant bezet met vrouwen-zitstoelen. Ziedaar, geërde lezer, een kort bericht van onze nieuw gebouwde kerk, zoals het mij door haar bouwmeester, de (hout)koopman WILLEM DOUWES van Harlingen, is meegedeeld.

Fuotnoaten:

*) Een voet is ong. 30 cm. De kerk is dus ruim 11 meter hoog van muurwerk. Het klokkentorentje is ruim 7 meter hoog.

**) Een blasson is ons blazoen, dus eigenlijk schild. Hier is bedoeld de vlakke afsluiting van de koepel.

Ynterieur Koepel tsjerke Berltsum

Sjoch op side Kerken in beeld foar mear foto's.


AANHANGSEL betreffende de oudheden en voornaamste gebeurtenissen van BERLIKUM.

Dat het opdelven der aloude gebeurtenissen van steden en dorpen, bij gebrek aan nauwkeurige berichten en gedenkschriften, doorgaans zeer moeilijk valt, is een bekende waarheid; een moeilijkheid, die nog grotelijks vermeerderd wordt als de plaatsen, welker oudheden men wil opsporen, niet zo aanzienlijk zijn en weinig vermaardheid of deel gehad hebben in ‘s lands geschiedenissen. Niemand derhalve, zal met billijkheid van mij (dûmny Nota) kunnen verwachten dat ik in staat zou zijn veel bijzonderheden van ons BERLIKUM op te geven. Ik zal uit dien hoofde alleen maar mededelen wat ik hier en daar bij onze FRIESE geschiedschrijvers of in andere gedenkstukken verspreid en aangetekend gevonden heb; of ‘t geen mij door deze en gene liefhebbers van dit soort wetenschappen op een vriendelijke wijze is meegedeeld; waarvoor ik die heren dan ook, bij deze gelegenheid, openlijk mijn dankbare erkentelijkheid betuig. BERLIKUM of, zoals het gewoonlijk genoemd en geschreven wordt, BELKUM, of BELKOM, een groot en voornaam dorp van de GRITENIJ MENALDUMADEEL, gelegen in WESTERGO, ofschoon door de aanwas der Bildtlanden nu meer dan twee uur gaans van de zee gescheiden, is volgens het eenparig getuigenis van al onze Friese geschiedschrijvers eertijds een stadje geweest, gelegen aan de zee; of tenminste waar nu BERLIKUM ligt, heeft eertijds een stadje gestaan, TUITGUM of UITGONG geheten; in het Latijn TERMINUS MARIS MEDITERRANEI, dat is: het einde van de Middelzee; en ook wel CIVITAS EXIENSIS, of de stad UITGONG genoemd, omdat de rivier de BORNE of BOORNE, in het Latijn BURDO of BURDINES (BORDINE) geheten, hier haar uitloop of uitgang in de wateren van de zee of Wadden had. Deze kleine veenrivier, de Boorne namelijk, die ontspringt in de venen ten noorden van Bakkeveen op de grenzen van de Grietenij Opsterland (Borneroord), vloeide door het Koningsdiep voorbij OldeBOORN en Akkrum en ten zuiden van Irnsum verbreedde deze zich in de benedenloop van de Boorne in de zoogenaamde MIDDELZEE, ook wel de BORDINE genoemd, die in het jaar 1200 OOSTERGO en WESTERGO afscheidde. Dus met een brede stroom, die de lage landen ter weerszijde dikwijls onder water zette, stroomde zij langs Leeuwarden en dus verder voorbij BERLIKUM of UITGONG, om tenslotte haar water te doen stromen in de Noordzee, tussen Ameland en Terschelling. De diepte tussen die eilanden en tussen het vaste land wordt het BOORNDIEP of BOERDIEP genoemd en de zandplaat daarbij het BORNRIF. En sa giet dûmny Petrus Nota fierder mei syn ferhaal. It is aardich om te lêzen.

Dûmny PETRUS NOTA stie der nochal om bekend, dat hy breed fan stof wie. By de yngebrûkname fan de Koepeltsjerke hat hy in preek hâlden dy ’t 35 siden lang is. In jier letter by it yngebrûknimmen fan it nije oargel wie it al net oars.

(Roomske tsjerken wurde ynwijd. Protestânske tsjerken wurde yn gebrûk nommen.)

Ds. Petrus Nota joech, sa hat bliken dien, ek wol privee les. De letter doe bekende Frjentsjerter patriot mr. Jacobus Scheltema hat, foar ’t hy syn studzje oan de Akademy begûn, noch in jier lang (1781 -1782) les hân fan de Berltsumer dûmny Nota. In protte dûmnys joegen destiids priveelessen. De patriot Scheltema is destiids ek nei St. Omar flechte en fêstige him letter yn 1798 earst yn de keaphannel te Amsterdam en dêrnei te Frjentsjer as etc.

Yn de achtste ieu wie WESTERGO in foar dy tiden ticht bewenne eilân.“Westereach,” Westeroog- eilân mei de twa âldste stedsjes Frjentsjer en Boalsert en de jongere stedsjes Harns en Snits mei in protte lytse en gruttere doarpen dêromhinne, wêrûnder BERLTSUM.

DE FRYSKE GEAËN

Sûnt it midden fan de 15de ieu bestie Fryslân út trije lânskippen. Oostergoo, Westergoo en Zevenwouden. Al yn de tiid fan Karel de Grutte wurdt der melding makke fan beide earsten as Ooster- en Westereach. ( Each is Eilân) Yn earsten doe’t de diken ús Gewest noch net, of noch net foldwaande, beskermen tsjin de see, wienen it dan ek neat oars as grutte eilannen de kust bylâns. Letter seach men dy dielen mear as de Ooster- en Westergoo (yn’t Frysk: GEA) dan as Ooster- en Westeroog (EACH), welke nammen men blykber net mear ferstie. En sa hjitte se oant no ta ek noch: Oostergoo en Westergoo. (yn’t Frysk: Eastergea en Westergea) Nei’t de befolking tanaam en men streeksgewize oare belangen krige, skieden ferskate ûnderdielen harren ôf as distrikten, dy’t harren letter yn FERDEN (it gebiet fan de “Skelta”: de skuldfoarderer en de “Asega”: de rjochtsprekker) en noch wer letter yn de tolfde ieu yn GRITENIJEN ( it gebiet fan de “Grytman”: de oanklager en de ferfolger fan de wet oertrêders) splitsten. Fanwegen de oanhâldende partijskippen sletten de Gritenijen harren mear as ien kear wer byinoar om harren nammerste krêftiger ferdigenje te kinnen. Sa foegen harren yn it midden fan de 15de ieu inkelde streken gear, wat oanlieding joech ta de foarming fan it lânskip de SEVENWOLDEN. (sa neamd nei de sân efterienfolgjende bosk rike gritenijen) wêr’t de Stellingwerven oan tafoege binne. Sa hat ús distrikt WESTERGEA (GOO) yn it Wapen: de foarstelling fan de Keizer, as fertsjintwurdiger fan it heegste gesach, op in sit mei kroane, scepter en ryksappel: oan wjerskanten de ferpersoanliking fan de geastlikheid: in knibbeljende preester mei opheven gebedeboek; en dy fan de ealju: in knibbeljende kriichsman, mei spear, swurd en skild.

De fjouwer KERTIEREN waarden karakterisearre troch it folgjende rymke:

Oostergoo het land,

Westergoo het geld,

de Wouden het verstand,

de Steden het geweld.

Yn in âlde Fryske Almanak wurde de Fryske stêden op de folgjende wize typearre:

“LEEUWARDEN is’t Hof, DOKKUM legt ter zijden af, FRANEKER de School houdt, MACKUM dat is heel koudt, SNEEK legt in’t landt, WORKUM aan den strandt, BOLSWARD voedt het vee, HARLINGEN rust ter zee, STAVOREN is out, MOLQUERUM is qualick gebouwt”.

Sa’t men sjocht wurde DRYLST, HYLPEN en SLEAT net neamd, wilens de “FLECKEN” (grutte doarpen) Makkum en Molkwar wol de ear krije om yn de rige neamd te wurden.

IN FLEKKE

In flekke is in foarm fan bewenning dêr’t tal fan huzen byinoar steane en dêr’t njonken in tal fan mienskiplike foarsjennings beskikber binne dy’t foar de omkriten fan belang binne. De wichtichste fan sokke foarsjennings wie de merk, dêrom wurdt it merkrjocht wol sjoen as it ûnderskied tusken in doarp en in flekke. Flecken waarden ek wol neamd: BERLTSUM, de Gordyk, de Jouwer, Kollum, Molkwar etc. ..... .... Doarpen wienen sintra foar de omkriten. Dêr wie de tsjerke, de skoalle, de winkel, it ambacht etc. ..... ..... Foaral op hilligen dagen wie dit it gefal. Sa wie op Sint Markus (25 april) BERLTSUM it mulpunt mei ien fan de ferneamste hynstemerken fan ús lân. Dat wie ek it gefal yn Easterbierrum op Sint Jorisdei (23 april) etc. Noch wichtiger wienen de stedsmerken lykas bygelyks dy fan Frjentsjer op Sint Jacobsdei (25 july) en op Sint Victorsdei (11 oktober). De prysnotearring fan it fee op dizze lêste merke jilde as rjochtline foar de hiele provinsje. Ek hie Frjentsjer eltse tongerdei in wykmerke. De hannel waard foaral nei Frjentsjer lutsen troch it privileezje dat der eartiids yn de omkriten fan Frjentsjer gjin waach, hannel of ambacht wêze mocht. (Yn 1795 waarden neist de 11 stêden 12 vlecken neamd yn Fryslân.)


BOLSWARDER NIEUWSBLAD. 17- 2- 2010.

BOLSWARD: Meer dan 555.

Oer: ..... stadsboeken ..... stadsrecht ..... muntslag ..... oorsprong Bolsward en Dokkum etc. ..... ......

L. C. 20-10-1860.

Vergadering der Provinciale Staten van Friesland.

Van BEETGUM wordt d. d. 14 november 1860 aan de FRANEKER COURANT gemeld, dat dien voormiddag ruim 11 uur de heer E. L. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg zich met een polsdrager in het veld bevond en s’ avonds ruim vier uur van daar terugkeerde met de aanzienlijke vangst van tien hazen, na op dien dag veertien gezien te hebben. Het getal patrijzen is, meldt men, ons onbekend en kunnen wij dus niet mededeelen.

L. C. 1-12-1887.

MENALDUMADEEL, 23 November.

Dat er in onze gemeente nog wel hazen te vinden zijn, kan blijken uit het feit, dat een jager uit Achlum verleden Zaterdag te BERLIKUM 17 langoren gezien, 13 geschoten en 10 als buit mede naar huis genomen heeft.

L. C. 10-5-1878.

Oproep.

L. C. 11-6-1897

KIEZERS IN HET DISTRICT FRANEKER

De gezamenlijke Kiesvereenigingen CHRISTELIJK VOLKSBELANG in het district Franeker hebben bij de a. s. stemming van een Lid voor de Tweede Kamer candidaat gesteld de Heer

L. W. de VRIES

oud lid der Tweede Kamer en lid der Provinciale Staten van Friesland. Door zijne veelzijdige werkzaamheden op het gebied van etc. ........ ........

De Centrale Kiesvereeniging Christelijk Volksdeel.

Ds. H(endricus) van Eijck van Heslinga, voorz.

Ds. W.(illem) Hoekzema, (út Boerum) penn.

F. A. Terpstra.

S.(ybe) Heinsma, secr. (it haad fan de C. V. O. skoalle te BERLTSUM)

L. C.10- 7-1899.

GEMEENTERAADSVERKIEZING - MENALDUMADEEL.


Voor de verkiezing van vijf raadsleden op Dinsdag 11 Juli a. s. worden ten dringenste aanbevolen de navolgende Heeren:

H.(endrik *) Algra te BERLIKUM. (hjir ûnderwizer oan de C. N. S. skoalle fanôf 1915 oant 1922)

Jhr. Mr. C. G. A. van Asch van Wijk te BERLIKUM. (hy wie hjir kantonrjochter)

J. Kalma te Boxum.

A. van der Schaaf te Beetgum.

T.(eade) van de Wint te Deinum. (hy wie houthanneler)

*) Fuotnoat:

Hendrik Algra wie yn Wommels, wêr’t normaallessen jûn waarden foar bekwamens as ûnderwizer, slagge foar ûnderwizer. Hy krige earst in tydlik plak, mar waard yn 1915 oansteld ta ûnderwizer yn fêste tsjinst oan de (Grifformearde) C. N. S. skoalle te BERLTSUM. Hy begûn hjir mei de stúdzje foar de akte m. o. Skiednis. Noch foar’t hy dizze stúdzje foltôge hie, waard hy yn 1921 beneamd oan de Kristlike kweekskoalle yn Ljouwert. Hy troude yn 1922 mei Eelkje Offringa en sân jier letter yn twadde boask mei Janke Wijnsma. Yn 1923 behelle hy de akte M. O. Skiednis en yn 1928 de akte M. O. Nederlânsk. Yn 1935 waard de kweekskoalle, wêr’t hy oan wurke, út besúnigingsoerweagings opheven. Hy waard doe learaar oan de Kristlike gymnasia te Kampen en it doarp Húzum dat ûnder de Twadde Wrâldoarloch by Ljouwert foege waard. Yn 1946 krige hy yn lêstneamd plak in folslein plak oanbean. Hy hat dizze ferfolle oant 1962, it jier fan syn pensjonearring. Hy hat ek namme makke as A. R. politikus en sjoernalist, syn wichtichste njonkenfunkjes. Fan 1935 oant 1977 fungearre hy as haadredakteur it Frysk Deiblêd. (A. R.)


----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------


L. C. 17-2-1928.

BERLIKUM -16 februari.

De Christelijk Historische Kiesvereeniging alhier hield haar jaarvergadering in de (grutte) consistorie. In zijn openingswoord wees de voorzitter, de heer O. Hoekstra er op, dat het afgeloopen jaar voor de vereeniging een goed jaar is geweest. Bij de verkiezingen van de Gemeenteraad wist de Christelijk Historische Partij van alle andere partijen de meeste stemmen op zich te vereenigen, iets wat in jaren niet was geschied. De vereeniging telt ruim 60 leden, terwijl de rekening van den penningmeester met een voordelig saldo sloot van fl. 11,52 Tot bestuursleden werden herkozen de beide heren O.(enze) Hoekstra en G.(errit) (Hettes) Jellema. De heer Jellema hield een referaat over: De Christelijk Historische Unie en de Hervormd Gereformeerde Staatspartij, terwijl de heer (Jacob Wytzes) Tuininga (Tuinenga) sprak over: “Ons eigen blad” (De Banier).

L. C. 27-12-1947.

HEDEN nam de Almachtige God tot zich, na een geduldig gedragen lijden, ons zeer geachte en steeds gewaardeerd ere-kerkeraadslid, de heer GERRIT HETTES JELLEMA. Zijn nagedachtenis blijft steeds bij ons in dankbare herinnering. Trooste de Heere allen, die om hem rouwdragen. Openb. 14: 13 b.

Namens de Kerkeraad der Ned. Herv. Gemeente te BERLIKUM. Ouderlingen: J.(an) J.(oukes) van Dijk, H.(arm Douwes) Siegersma, H.(endrik) A.(ndries) de Haan. Diakenen: E.(eltje) K.(lazes) Osinga, D.(irk) J.(oh.) Steenstra, S.(ijtze) Braaksma.

BERLIKUM, 25 December 1947.

In kado fan de Kening: DE PRINSENTÚN.

Steedhâlder Willem Frederik wie as steedhâlder de rykste man fan Fryslân. Wat it húsfestjen oangiet kaam hy der lykwols bekaaid út. Hiel oars as de Fryske ealju dy ’t residearren yn harren prachtige op it Fryske plattelân lizzende states, mocht Willem Frederik fan syn wurkjouwer - de Steaten fan Fryslân – allinne in tsjinstwente besitte. Dat wie it Steedhâlderlik Hôf, dat mar in lyts túnstje hie. Willem Fredrik fûn it mar neat. Yn 1648 lykwols hie hy gelok. Troch de Frede fan Münster binne de ferdigeningswurken om Ljouwert hinne ynienen minder wichtich. De Steaten fan Fryslân beslúte om Willem Frederik in part fan de stêdswâl te skinken. Hy kin syn lok net op: einliks in grutte eftertún! Lykas ferwachte, pakte Willem Frederik de oanliz grut oan. Yn syn deiboeken is te lêzen dat hy de ferneamde túnen fan de Ljouwerter abbekaat Theodorus Saeckma besiket en dêrnei yn hasten soldaat Dirk Juriëns mei syn Steatenjacht net Frankryk stjoert. Juriëns komt werom mei oan board ûnder oare tolve eksoatyske sinasappelbeamen en jasmynbeammen. DE PRINSENTÚN is snel in feit. Yn de jierren dêrnei giet de tún mei syn tiid mei. De strakke, Frânske renêssânsetún wurdt in hieltyd gruttere Ingelske tún mei in oranjerie en in simmerhûs. Boppedat wurdt it hieltyd mear in iepenbier plak fan gearkomste foar de Ljouwerter befolking. Yn 1819 beslút Kening Willem I. om de Prinsentún oan de stêd Ljouwert te skinken. Hjirby liet hy ien betinkst optekenje: “Gevende Zijne Majesteit daarbij te kennen, dat het hoogst dezelve aangenaam zal zijn, dat de gezegde tuin bij voortduring in stand gehouden worde en ook op den bestaanden voet tot wandelplaats voor de ingezetenen bestemd blijve”. No hast 200 jier letter, is de Prinsentún nog altiten it plak wer ’t troch eltsenien kuiere wurde kin en om dêrfan te genietsjen.

HÔFKERSKEUNST.

Yn it boek Dendrologie fan Johann Herman KNOOP, de hôfker en matematikus út KASSEL, dy ’t om 1731 hinne troch Maria Louise van Hessen - Kassel (Marijke Meu) nei Ljouwert ûntbiede waard, (om de (Prinse)tún út te wreidzjen) is te lêzen: Geen volmaakter peeren, van de fijnste Fransche zoorten etc. ..... , hebbe in deze Provincie ontmoet als in de tuin van Zijne Doorluchtige Hoogheid de Heere Prince van Oranje: Erfstadhouder, etc. ...... binnen deze stad Leeuwarden. MARIJKE - MEU hie in grutte belangstelling foar de hôfkerskeunst en úttere dizze ynteresse û. o. yn de oanliz fan de bûtenpleats “Mariënburg” (doe) krekt bûten Ljouwert lizzend. Hja hat boppedat in wichtich oandiel levere yn it “opleukjen” fan de Prinsentún, it “lusthôf” fan doedes- tiids. As ûntwerper fan de earste oanliz fan de tún wie Jonker DUCO van HEMMEMA (fan BERLTSUM) oansteld. Neffens syn plan moast de Prinsetún it oanblik fan in Renêssânsetún hawwe, toand mei moai gewaaks, lange galerijen ferheege linebeammen yn in perspektyf plantte, en ek in fiver mei fonteinen, byldwurk en prieëlen. (Yn 1842/43 troch Roodbaard is de noardlike wâl ôfgroeven en de tún sa ek wer fergutte.)

J. H. Knoop hat û. o. ek hoven oanlein yn Oranjewoud en by de Potmarge yn Ljouwert en hy hat it boek Pomologia skreaun wêryn’t hy û. o. de echte Fryske appels as de Dokkumer Nije, Schone van Iephof, Present van Friesland, Roem van Drachten, Ambo (in pear jier lyn noch fûn op Skiermuontseach), Zoete Van der Schoot, Minne Dankert en de Doeke Martens beskreaun hat.

DE JIRPEL

Jhr. Vegelin fan De Jouer hat de jirpel yn 1736 of 1737 nei Fryslân brocht en op Herema State poate. Hy stjoerde der in pear fan nei Grytman van Haren te Sint Anne, wêr ’t de botanicus David Mees yn ‘t tsjinst wie. Dizze teelde it nije gewaaks op it bûten fan van Haren en brocht de hjir boppe neamde Johann Herman Knoop, de hortulanus fan prinses Maria Louise, ek yn ‘e kunde mei de frucht, befoardere it plantsen en besoarge op 13-12-1742 foar it earst de jirpels op de tafel fan ‘e foarstin, doe’t prins Willem IV. mei syn frou dêr te iten wie. (Maria Louise van Hessen-Kassel (Marijke muoi) is de stammem fan alle noch besteande Jeropeeske foarstenhuzen.)

L. C. 19-4-1755.

Te Leeuwarden by ABR. FERWERDA is gedrukt en te bekomen: Beschouwende en Werkdadige Hovenierskonst of Inleiding tot de waare Oefening der Planten. Waarin aangewezen word al ‘t gene een Hovenier en aan andere Tuin-oefenaars dienstig en nodig zyn te weeten, om niet alleen met gewenscht voordeel, maar ook met vermaak allerley Boom- Heester-, en Bloem-gewassen te cultiveeren. Insgelyks om allerley en buitenlandse Bloemen, Vrugten en andere Gewassen te vervroegen, en buiten de gewone Saisoenen te hebben; of by ons byna even als in haare geboorte plaats, te doen groeyen, bloeyen, en hunne Vrugten ryp en smakelyk voortbrengen. Alles afgeleid uit een waare Natuurkundige grond, als waarin de Cultuure der gewassen alleen gegrondvest is; en door dien aanmerkingen en ondervindingen van meer als 30 jaaren bevestigt: ook met de noodige PLAATEN, tot meerdere verstaanbaarheid en opheldering voorzien. Dienende verders zowel voor Veldt- als Tuin-oefenaars. Door JOHANN HERMANN KNOOP. In groot 410. kost ing. 6 Gulden 10 Stuivers.

MARTENA STATE.

Johan Onuphrius, baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, berne yn 1513, en stoarn op 27- 3-1584, soan fan Wolfgang Michaëlssoan en Osanna Philips dochter von Gutenberg, boaske op 13- 3-1545 Maria von Grombach, de dochter fan Frits (Frederik) Carlssoan en Luts (Lucia) Hesselsdochter Martena. De âlders fan Luts van Martena, Hessel Sytthiessoan en Both Haring ‘s dochter Hottinga bewennen “MARTENA STATE” op (Great) Ter Horne by Bitgum. Nei it ferstjerren fan Luts kaam it slot yn it besit fan it skaai thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, dat it slot oant 1879 bewenne hat.


(Foto: Johan Onuphrius)

Myn pake Jan (Arie soan) Guldemond, berne op 19- 9-1967, troud mei Antje Abraham ‘s Berkenpas, destiids wenjende op it eardere wenhûs Lytsebuorren (no húsnûmer 7) foaroer it gemeentehûs te Menaam, hat de lêste bewenner Georg W. C. D. Bar. thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg as boike noch wol kennen. De Menamer toer wie krekt in jier foar syn berte yn 1866 boud. Hy hat as achtjierrich jonkje de bou fan de Menamer tsjerke yn 1874 ek noch meimakke en as 12 jierrige yn 1879 de ôfbraak fan “Great Terhorne”. Foardat hy op de Lytse -buorren 7 kaam te wenjen, wenne hy op de Earnseker. Hy koe net fytse want dat hat hy nea leard want fytsen wienen der doe hast noch net te sjen yn Menaam. De wegen wienen hast allegear noch modder- of grintwegen. Hy rûn in protte. Hy moat noch op in foto te sjen wêze wer ‘t hy rint mei in kroade efter him oan, streekrjocht op it gemeentehûs ta, oer de fêste brêge fan de no dimpte sleat dy ’t foar de eardere VéGé-winkel no de “Black Horse” lâns rûn. In protte wask lofts fan him lei dêr noch yn de bleek te bleekjen.

(Myn pake is stoarn doe ’t ik 12 jier âld wie. Hy is yn 1931 as Lid Keninklik ûnderskieden. Dizze ûnderskieding wie earst foaral bedoeld om minsken út de legere klassen in keninklik skouder- klopke jaan te kinnen. Yn it stelsel slope lykwols in automatisme. Sa krigen in protte funksjonarissen nei in tsjinstferbân fan 40 jier automatysk in lintsje. Yn 1994 is it dekoraasjestelsel yngeand op ‘en nij hersjoen en waard it loskoppele fan maatskiplike status en werkte jierren. Lintsjes waarden tenei ferdield oer alle lagen fan de befolking. Sûnt dy tiid is it oantal dekoraasjes stadichoan stegen. Der wurde no sa’n 5000 lintsjes yn’t jier opspjelde. De measte minsken, foaral frijwilligers, wurde ûnderskieden as Lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau.) In dei foar syn berte op 19-9-1867 kochten de V. S. Alaska fan Ruslân. Yn datselde jier fûn de earste útfiering fan de wals “An der schönen blauen Donau” plak, farre it earste skip troch it krekt iepene Suez-kanaal, iepene Napoleon III. de wrâldtentoanstelling yn Parys, wêr’t de earste vélocipêde mei trapers te sjen wie, keizer Frans Jozef I. fan de dûbel-monarchy Eastenryk-Hongarije, troud mei de ús ûnder de namme “keizerin Sisi” tige bekende keizerin, noch oan it bewâld wie en kening Willem III. noch Grut-Hartoch fan Luexemburch wie. It liket allegearre noch net iens sa lang lyn, noch mar ien generaasje foar my!)

L. C. 1- 8-1828.

Wie twee DRENTSCHE SCHAPEN vermist, kan deze tegen bewijs van eigendom en betaling en kosten, terug bekomen by D. T.(yles) Bercompas (Berkenpas).

BITGUM.

Op in sânstiennen epitaaf yn de Noard binnenmuorre yn de tsjerke fan BITGUM kinne wy it folgjende lêze:

Janus ego illustris Schwartzenbergius heros - ante fui ex Francis natus in imperio - mortuus hic recubo, et mecum mea blandula coniux - ex Grombachiae nobilitate iacet - um vixi arma tuli et cum caesare castra secutus – Carolo in Italia digna tropheae tuli – nunc me huc fata vocant ac commoda funera condunt – in Betegum cum spe, cumque quiete, fide.

Wat yn it Frysk oerset sa wat giet as:

Ik, Johan thoe Schwartzenberg, eartiids (alearen) in held út (it ryk fan) de Franken Súd Dútslân) berne yn it Roomske Ryk, leit ûntsiele (dea) del en neist my leit (rêst) myn ynnimlike frou (oare helte), fuortkommen (skaaid út) it aadlike skaai Von Grombach. Doe ik hjir tahâlde droech ik de wapens en mei keizer (Karel) te fjilde lútsen fierde ik wraachtige oerwinnings. No ropt it needlot my nei hjir en leit myn stoflik oerskot yn Bitgum, wêr it behaachlik (noflik) leit troch de hoop, de rêst en it leauwen.

Sjoch foar de skiednis / foto ’s fan “Grut Terhorne” tusken BITGUM en Bitgummole mei de haadyngong oan it Bitgumerbosk. Âldfaers Erf, Beetgum e. o. op ynternet. http://www.âldfaerserfbitgum.nl Klik op it fototastel of op de foto om it album te besjen w. û. de sibbeportretten en in pear foto’s en plattegrûnen fan “Great Terhorne.”

SKIEDNIS FAN IT HEITELÂN.

As men praat oer de NEDERLÂNSKE skiednis (Faderlânkse Skiednis) wol men it meast hawwe oer de Hollânske skiednis. Dit is yn myn eagen te beheind. It is folle mear as de skiednis fan it eardere Greefskip Hollân. De skiednis fan de eale stêd Grins mei har Ommelannen, fan it Hartochdom Gelre (Gelderlân), Brabân of Limburch, fan it Stift Útert, de ryksfrije Fryslânnen etc. is like wichtich, ja noch earder waard it gebiet oantsjutten as it lân fan de Friezen, (werûnder de beide Hollannen en it Grinzerlân) de Franken en de Saksen.

(Sjoch it boek: Friesland heeft zijn eigen verhaal. Pleidooi voor een niet-Randstedelijke geschiedeniscanon. Fan Kerst Huisman. De Canon van Nederland)

IT JEROPEESKE HÂNFEST FOAR REGIONALE MINDERHEDEN

It Jeropeeske Hânfêst foar regionale talen fan minderheden neamt net allinne in oantal easken foar it ûnderwiis yn de Fryske TAAL, mar EK yn de Fryske SKIEDNIS. Dit is net samar in formulearring. It Hânfest is wat Fryslân oangiet, troch de Nederlânske steat ratifisearre. Dat betsjut dat de Nederlânske oerheid har ferplichte hat, de bepalingen fan dat hânfest troch te fieren. DE CANON VAN NEDERLAND (okt. 2006) mei 50 hichtepunten út de Nederlânske skiednis is in Hollânsintrysk ferhaal en perfoarst net nasjonaal. De leden fan de kommisje kamen dan ek allegear út it westen fan it lân. Troch harren is de Fryske skiednis dêryn tige minimalisearre.

SKIEDNIS FAN FRYSLÂN yn grutte linen en yn it koart.

FRISO de stifter fan it FRYSKE FOLK.

Hy hie 7 soannen. MANNES, taneamd Hermannus, sette him nei wenjen te Minnertsgea, dat doe oan de earm fan de Noardsee lei en stifte dêr de haven Heer Manne Porte yn om en de by 250 foar Kristus. Hy joech de namme HARMANA oan syn neiteam. (In moai teltsje (ferhaal) dochs!)

Yn 11 foar Kristus komt Drusus nei Fryslân. De Friezen slúte in ferbûn mei de Romeinen.

Yn 59 nei Kristus geane VERRITUS (Wyerdt, Wierd Herma(n)na) en MALORIX (Malorit Camminga) as ôfgesanten (seinboaden) fan de FRIEZEN nei ROME ta, om mei Keizer NERO te sprekken oer harren te bestriden, troch de Romeinen besette en net brûkte grûnen oan en oer de Ryn dy ’t hja beset hienen.

Yn 240 n. Kristus, stap foar stapse útwreiding fan it lân fan de Friezen it Súden yn by de stêd Brugge (as súdlikste grins it Zwin, earder It Sinkfal (Sincfalam) neamd) en it Easten yn oer de WESER. (Grut Fryslân)

Yn 449. In protte FRIEZEN stekke mei de oan harren besibbe folken as de ANGELEN en de SAKSEN e. o. oer nei BRITTANJE. (It Frysk is ek tige oan it Ingelsk besibbe.)

(Dêr no noch: ESSEX - East-Saksen, WESSEX - West-Saksen, SUSSEX - Súd-Saksen, it Angelenlân etc.)

Yn 463. Begjin fan de oerfallen fan de Franken op it FRYSKE RYK.

Yn 520. Ynfallen fan de Denen en de Noarmannen yn FRYSLÂN, wêrûnder ek de BERLTSUMERS te lijen hân hawwe.

Yn 630. De Franken festigje harren yn Wiltenburg (Útert) op Frysk grûngebiet, wêr ’t Dagobert I. in tsjerke stift (hja woenen Fryslân kristianisearje) dy ’t yn 680 troch kening RADBOUD, (Radbodus, destiids wenjende op syn kastiel yn Medemblik) ferwoastige wurdt.

Yn 755 wurdt Bonifatius op syn tochten, om it Kristlik leauwen te ferkundigjen, te Dokkum (yn de bosken by Moarnewâld (it fermoard, it moardwâld) fermoarde.

(Dantumawâld en Moarnewâld hjitte no gearlutsen Damwâld.).

Yn 775. KAREL de GRUTTE wurdt troch de Friezen as beskermhear oannommen. Ynfiering fan it Kristendom.

Yn 1004. De Hollânske greven besykje harren gebiet út te wreidzjen troch West-Fryslân (Noard-Hollân) te feroverjen.

Yn 1169. Greve Floris de III. ferlear de slach by in nije oanfal op WEST-FRYSLÂN.

Yn 1255. sneuvelt Greve Willem II. op in tocht om West-Fryslân te feroverjen.

Yn 1260. wurde East- en WESTERGOA yn Gritenijen ferdield.

Yn. 1288. Greve FLORES V. bringt de West-Friezen ûnder syn gesach. (*

Yn 1292. wit Greve Floris him yn Starum (Stavoren, Staveren) te festigjen, hokker stêd hy mei in protte foarrjochten begeunsticht. (De âlste stêd fan Fryslân.)

Yn 1300. Begjin fan de partijskippen tusken de Skieringers en de Fetkeapers, dy ’t sawat twa ieuwen duorre ha.

Yn 1345. falt Greve Willem IV. by Staveren Fryslan oan mei in grutte float en leger, dochs wurdt mei in protte eallju ferslein. (SLACH BY WARNS)

Yn 1435. wurdt Ljouwert fergrutte troch it ferienigjen mei de inoar buorjende doarpen Oldehove en Hoek.

Yn 1498. Keizer Frederik III. draacht Fryslân oer oan de net-Frys Hartoch ALBERT fan SAKSEN. (It is ÚT mei de saneamde ‘FRYSKE FRIJHEID’. De lêste ynlânske troch de Keizer fan it Hillige Roomske Ryk oanstelde potestaat (gûverneur) hjir wie Juw (Julius) Hettes Dekama fan Baard. Hy slagge der net yn om frede te stiftsje tusken de Skieringers en de Fetkeapers.)

Yn 1505. IT BILT wurdt ferpachte en bedike.

Yn 1522. nimt Fryslân, op fersyk fan de Skieringers, Keizer KAREL V. oan as Hear, neidat de Geldersken (doedestiids û.o ek legere yn BERLTSUM) Fryslân ferlitten hienen. (Hartoch Karel van Gelre easke tusken 1515 en 1523 ek de hearskippij fan Fryslân op.) Yn 1555 draacht Karel V. de regearing oer oan syn soan Philips II.

Yn 1600. wurdt it Nije-Bilt bedike. Yn 1648. De frede mei Spanje wurdt yn Munster slúten.

(út de “Beknopte Skiednis fan Fryslân”. W. Eekhoff. Ljouwert 1851. Earste bylage.)

(* Fuotnoat:

Yn de nacht fan 13 op 14 desimber 1287 is der in tige swiere stoarm mei springfloed: De “St. Lucia floed”, mar ek wol de “Grutte floed” neamd. It geweld fan ‘e see sloech in bresse yn de Fryske kust; de Súdersee skiedde sûnt dy tiid West–Fryslân fan ús Fryslân en de Waadeilannen ûntstienen. It jier dêrop (1288) ferovere Graaf Floris V. fan Hollân West–Fryslân, dat as gefolch fan dizze oerstreaming net mear as Friezen meiinoar ferdigene wurde koe.

BEHEINDE SKIEDNIS FAN FRYSLÂN.

Fan de hûnderten ynskriuwers (nammelist yntekeners) destiids op de “Beknopte Geschiedenis van Friesland” door W. Eekhoff (1851) sa mar een pear nammen: K. S. Albada, landbouwer te Menaldum, M. D. Anema te Ried, lid van de Raad van Franekeradeel, P. S. Anema, te Dongjum, lid van de Raad van Franekeradeel, A. M. van Belkum, directeur Stadsweeshuis te Leeuwarden, J. C. van Belkum, broodbakker te Leeuwarden, Jkhr. U. H. Haersma van Beijma thoe Kingma, Grietman van Franekeradeel te Zweins, T. Alma, notaris te Menaldum, M.(artinus) L. de Boer, (dûmny) te BERLIKUM, S.(eine) H. van der Goot, (dûmny) te BERLIKUM, A. Gratema, kassier te Leeuwarden, mr. J. Mulier, burgemeester van Wonseradeel te Witmarsum, K. J. Crap, molenaar te Sint Jacobiparochie, Waling Dijkstra te Spannum, S. Kiestra, onderwijzer te Sexbierum, U. Koopmans te Holwerd, P.(im) Mulier te Bolsward, H.(endrik) Pasma F.(rans)zn. veehouder te Haskerdijken, K.(laas) Sipkes Heep, notaris te Holwerd. F. Draisma de Vries, lid van de Raad van Franekeradeel, N.(eno) Burhoven Viëtor, oud artill. officier, maire, schout, lid van de Provinciale Staten van Friesland, assessor van MENALDUMADEEL, gepensioneerd ontvanger de Directe Belastingen op huize “de Oorbijt” te Dronrijp, Karst J. (Karsjen Jitses) Kalma, lid van de Prov. Staten van Friesland, etc. allegearre minsken dy ’t, nei ik oannim, op de ien of oare reden wol wat mei de skiednis fan FRYSLÂN hienen.

LEDEN FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL YN 1828

Tetman Willems Dijkstra, BERLTSUM; Auke Bouwes van der Meulen, Menaam; Neno Burhoven Viëtor, Dronryp; Evert Klazes van Aisma, Bitgum; Sjoerd Hayes Westerveld, Dronryp; Freerk Geeles Hoekstra, Deinum; Arjen Freerks Roorda, KLEASTER-ANJUM ûnder BERLTSUM; Klaas Minnes Feitsma, Deinum en út de dizzen ta Assesoaren: Tetman Willems Dijkstra, Auke Bouwes van der Meulen en Neno Burhoven Viëtor. Siktaris: Paulus Joh. Mebius, Marsum. Gritenij ûntfanger: Wopke Sjoerds Osinga. Grytman: Jr. Georg Frederik Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Ynwennertal: 6025.


LEDEN FAN DE RIE FAN MENAMERADIEL YN 1850

Grytman : G.F. Schwartzenberg thoe Hohenlansberg, Neno Burhoven Viëtor Dronrijp, Evert Klazen van Aisma Bitgum, Jan Sybes Sevenster Menaam, Marten Lammerts Dijkstra Menaam, Sjoerd Hayes Westerveld Dronryp, Reinder Jans Hoekstra BERLTSUM,Auke Lourens van der Meij BERLTSUM, Klaas Jans Feitsma Deinum, mr. Augustus Goëtius van Dalsen Fontein siktaris Dronryp, Doekele Wopkes Osinga grietenij-ûntfanger.


RAPPORT

Groot en gedetailleerd Rapport van de heeren Knijff, Aylva, Wassenaer, Rengers, Lycklama, Sminia, Plettenberg en Sloterdijck, benevens ‘s Lands secretaris by Staets Resolutiën van den 31 May 1759 en 5 Maart 1761. Specialyk gecommiteert tot het onderzoek van den tegenwoordigen toestand der Lands Floreenen. etc. ..... .... Mitsgaders Uytreekeninge, wat yder Dorp, Grietenije en Stadt aan de Provincie verantwoorden moet aan de Edele Mogende Heeren Staeten van Vriesland.

MENALDUMADEEL:

Staet der floreenen in Menaldumadeel.

Floreen op het register

Menaldum

BERLIKUM

WIER

Cl. ANJUM

Marssum

Dronrijp

etc.


Overschietende voor de dorpsontv.

1233-23-1

471-0-12

203-25-8

150-0-0

1063-25-3

1332-25-0

Aan de gem. ontv.

33-23-1

2-0-12

3-25-8

0-0-0

13-25-3

20-25-0

betaald

1200-0-0

469-0-0

200-0-0

150-0-0

1050-0-0

1312-0-0

DE HARTOGEN FAN SAKSEN

30-4-1498 - 12-9-1500

Albrecht, Hartoch fan Saksen (31-7-1443 - 12-9-1500) wurdt op 30-4-1498 as lânhear fan FRYSLÂN oannommen. Dit oannimmen waard op 20-7-1498 befêstige troch Roomsk-Kening Maximiliaan I. en de keurfoarsten fan it Dútske Ryk, lykwols mei it rjocht fan weromkeap foar in bedrach fan 100.000 gûne. Fanôf oktober 1499 oefene syn soan Hendrik it lânshearlik bestjoer foar him út. De (saneamde) Fryske frijheid (sirka 1350-1498) gie ferlern en ek de Fryske taal ferdwûn út it offisjele ferkear.

12-9-1500 - 1505

Hendrik, Hartoch fan Saksen (18-3-1473 - 18-8-1541) de soan fan Albrecht. Sûnt 27-4-1501 dielt hy de lânshearlikheid FRYSLÂN mei syn broer George. Yn 1505 die hy ôfstân fan syn rjochten, hoewol ’t George al sûnt de simmer fan 1504 feitlik allinne regearre.

27-4-1501 - 1515

George, Hartoch fan Saksen (27-8-1471 - 17-4-1539). Syn regearing einige doe ’t hy syn gûverneurskip fan de lânshearlikheid FRYSLÂN en de eigendom fan IT BILT oan Karel fan Habsburg, de lettere Karel V., te Middelburg op 19 maaie 1515 ferkocht hie.

(it gûverneurskip en potintaat gie oer de grêven, prelaten, (geastliken dy ’t yn in gebiet mei tsjerklik gesach beklaaid binne) eallju, stêden, gemeenten en ynwenners fan Eastergea, (goo) Westergea (goo), Sânwâlden, de Grinzer gebieten (de Ommelannen), Dithmarschen, “Strann- friesen”, “Wurstfriesen” en Stellingwerf (East- en West Stellingwerf) mei harren eilannen cum annexis.)

De eallju, wêrûnder de HEMMEMA’s út BERLTSUM, hienen it dus wer mei in oare Lânshear te krijen. Oare Hearen, oare wetten.

Hartoch George fan Saksen hat in protte dien om it lân tsjin de see en it wetter te befeiligjen. Men moat him tankber wêze foar it inisjatyf om it âlde Bilt en it Mariëngaarder lân of it Minnikebilt yn te polderjen (1505-1506). Ferwerteradiel hie earder útwettering troch de syl op âlde Leie. Nei it ynpolderjen waard dat in binnensyl en der kaam in bûtensyl by Âldebiltsyl. Mei it ûnderhâld fan de syl op Âlde Leie wienen de doarpen Stiens, Feinsum, Hijum, Hallum, Marrum en Wester-Nijtsjerk belêste. De kleasters Mariëngaarde en ANJUM by BERLTSUM dy’t earder al ta ynpoldering fan it lân begûn wienen, makken no ek oanspraak op it nije lân. Yn 1506 moasten de beide kleasters harren lân ynleverje by de Hartoch Albert van Saksen tsjin in fergoeding fan 8 goudgûnen de pûnsmiet. Abt Peter (Piter) fan Kl. Mariënburg en pater Salignus (Tsjalling) fan Kl. Anjum makken hjir beswier tsjin. Dizze oanspraken kamen yn behanneling op in Lândei, mar dêr kaam men net ta in oplossing. De kleasterfâden fan Mariëngaarde lieten it der net by sitte en rjochtten in fersyk oan Keizer Karel V. Hja fregen de harren ûntnommen Biltlannen werom en mei geunstich resultaat en der waard harren 116 moargen lân mear tawezen. As in soarte belêsting moast dêrfoar elts jier “twee vette schapen, weeren ofte hamelen” opbrocht wurde. In feroardinânsje fan 1510 bepaalt dat de ynwenners fan Ferwerteradiel de seediken fan harren gritenije ûnderhâlde moasten.

Groot PLACAAT- en CHARTERBOEK van VRIESLAND.

Dit is it IENIGE algemiene Oarkonde boek de Provinsje Fryslân oangeande.

It bestiet út 5 dielen.

REGISTER van Verbonden, Zoenen, Accoorden, Privilegiën, Handvesten, Ordonantiën, Edicten, Placaten, Publicatiën, Notificatiën, Resolutiën, Instructiën, Octroyen en Missiven. Zullende dienen, volgens de Resolutie der Ed. Mog. Heeren Staaten van Vriesland. d. d. den 31 Augustus 1764 tot d’ Uitgave van een Groot Placaat– en Charterboek. Aanvang nemende met de oudste Gedenkstukken, en eyndigende met het jaar 1748.

VERZAMELT en in order gebragt door G. F. Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg . Gedeputeerde Staat, Raad ter Admiraliteit en Lid van de Houtvesterije in Vriesland. Te Leeuwarden gedrukt by Willem Coulon, Landschaps- en Academie drukker der Ed. Mog. Heeren Staten van Vriesland. (1765) Wêr ‘t yn û. o. te lêzen is:

De eerste VRIESENE WETTEN vóór de tyden van Keyzer Karel den Grooten (640). Akte waarby de H. Willibrordus aangesteld word tot Aarts Bisschop over Vriesland door Paus Sergius. (696)

Brief van Keyzer Hendrik, omvattende de redenen waarom Oostergoo en WESTERGOO Egbert ontnomen en aan de Utrechtse kerk gegeven waren. (1 Febrewaris 1089.)

Hendrik V. bevestigt aan Bisschop Godebaldus de giften van Vriesland, door zijn Vader in vroegere tyden aan de Kerk van Utrecht gedaan. (1112) .

Bulle van Willem, Roomsch Koning, bevestigende de Rechten, Privilegiën en VRIJHEDEN der Vriesen. (1148).

Brief van Verdrag wegens bezittingen van Vriesland, tusschen de Graven van Holland en de Bisschoppen van Utrecht door Keyzer Fredericus. (1166) (De Greven fan Hollân en de Biskoppen fan Útert libben mar al te faak yn ûnmin meiiinoar. Earstneamden wienen hieltyd mar wer op útwreiding fan harren macht (en lân) út.)

Verdrag gemaakt tusschen den Bisschop Dirk van Ave en de Graaf van Holland, Willem, bezitter van Vriesland. (1204.)

Brief van Keyzer Frederik aan de Bisschop van Utrecht, om de Grave van Holland te weerhouden OM DE VRIESEN TE KWELLEN. (1288).

Giftbrief of Verschenking van Vriesland aan Reinard Grave van GELDER, door Rudophus Roomsch Koning. (1290) Brief des Konings van Engeland over de MOORD OP FLORIS de V. , en verzoekt ook enige Vriesen om by hem te komen. (14 Sept. 1296.)

In een brief van den Koning van Engeland word de GRAAF van Holland mede HEER van VRIESLAND genoemd. ( 26-4-1297.)

Aanstelling van Hesselius tot Schout van Harlingen, in stede (i. p. v.) den overledene, door den Graaf van Holland. (28-2-1328.)

Een acte, waar by Keyzer Lodewyk de IV. , afstand doet van al het regt, dat zyne Voorzaten ook op Vriesland gehad hadden, aan den Grave van Holland. (d. d. 14 Juny 1330.)

Bevel van de Keyzer Lodewyk de IV. aan de Vriesen van Oostergoo en Westergoo, om den Grave van Holland voor hun WETTIGEN HEER te ERKENNEN. (eod. dito. 1330.)

De Graaf van HOLLAND bevestigt die van Stavoren hunne regten. (October 1337.) De inwoners van (* STAVOREN huldigen de Graaf van Holland als hunne wettigen Heer. (Den 16 Maart 1338.) Verzoening tusschen de Vriesen en Groningers. (op Paulsdag 1338.)

Een stuk waar by Keyzer Lodewyk Vriesland verpand, voor zover het den Grave van Holland NIET toebehoorde, aan Reynald Grave van GELDER. (d. d. 21 Maart 1339.) (Keizer Loadewyk siet nl. djip yn de skulden.)

De Privilegiën en Handvesten aan Stavoren verleend, hernieuwt door den Hertog Willem van Beyeren, GRAVE van HOLLAND, Zeeland en HEERE van VRIESLAND. (d. d. 4 Maart 1353.)

Belofte, op welke Hertog Albert van Beyeren belooft de landen van Henegouwen, van Holland, van Zeeland en van Vriesland voor zynen zieken Broeder, Graaf Willem, te regeeren, gedaan te Dordrecht den 23 Febr. 1358.

Verdrag van Hertog Albert, gemaakt met de Vrouw Magteldt van Lancaster, echtgenoot van Hertog Willem, Graaf van Holland enz. om de Landen van Henegouwen, van Holland, van Zeeland en van Vriesland te beschermen en te regeeren. (6-3-1358).

Verzoening tusschen Hertog Philips van Bourgonjen en Jacoba van Beyeren, GRAVINNE van Holland, Zeeland, Henegouwen en VROUWE van Vriesland. (Den 3 Juni 1428.)

Vrijgeleyde brief aan Wybe Sjuds (Sjoerds) Grouwstins (Grovestins) anders genaampt Schenne (skearne) Wybe. (1463) Wybe wie skearn en hie net in burd as safolle oare manlju.

(Yn Ingelum is it doarpshûs “Skearne Wybe” nei him ferneamd. Hy skearde him en hy dus gjin burd, as gewoan wie yn dy tiid. Hy wenne op “Grovestins”, earder neamd “Sirtema-State” te Ingelum. It wie de sterkste stins fan Fryslân. De state is op 4 maart 1757 oanbesteege om ôfbrutsen te wurden. It wurd “stins” is in gearlûken fan de wurden stien en hûs, “stienhûs”, en wurdt foar it earst yn 1223 neamd. Fanôf 1340 waard it brûklik om in te ferdigenjen wentoer of hûs yn stien út te fieren. Dêrfoar waarden de measte gebouwen fan hout makke.)

Verbond tusschen de Praelaten, Hovelingen en Gemeenten van Vriesland en de Stad Groningen. (1491.)

Brief van DOEKE HEMMEMA (in de Vriesche taal) Olderman der STEDE BERLIKUM, waaruit geblijkt dat die Stad omtrent deze tijden Stads Privilegiën gehad heeft. (1491.)

(Neffens it Aardrijkskundig Woordenboek van de Provincie Friesland út 1833 moat dit troch de sibbe van Hemmema útoefene steds privileezje noch sa oant 1552 duorre ha.)

Eene copie copië Acte van Volmacht door Georg van Saxen verleent aan (de destiids steedhâlder fan Fryslân) Rudolph Schenk om de Landen van Vriesland over te dragen aan den Prince Karel (V.) van Spanjen; met approbatie van het verdrag daarop gemaakt. (den 22 April 1515.)

Afkondiging van een Bestand.

Overdracht der Landen van Vriesland aan Karel, Prince van Spanje.

Aanneming van Karel de V. , toen Prince van Spanjen, IN PLAATS VAN den Hertog van Saxen. (d. d. 11 Juli 1515.) (Fryslân wie syn saneamde “Fryske frijheid” kwytrekke by de komst fan de Hartoch fan Saksen.)

Placaat, dat men de Boeken van Maarten Luther en andere Ketters niet zal leezen of koopen. (Den 10 en 22 December 1526.)

Placaat, dat men ter Kerke gaan en de misse hooren zal. (Den 3 Februari 1535.)

Placaat, dat men den Heere Menno Symons NIET zal logeeren, ofte syne Boeken leezen. (Den 7 December 1542).

Waarby de GELDERSEN tot Vijanden verklaart worden. (Den 27 December 1542.) (De GELDERSKEN bliuwen oanspraak hâlden op har rjochten op (in part) fan Fryslân.)

Copie van het Principale accoord tusschen de Stad Franeker met de Uitburen, en de dorpen Doignum, Buyr, Ried, het KLOOSTER-AENGUM, BELKUM, WIER, Minnertsga, Tzummarum en Firdgum, aangaande de Vaart ten Noorden van de Stad na de voorzeide dorpen lopende. (19 July 1553).

Gebod aan de ingesetenen van MENALDUMADEEL en Franekeradeel om binnen BERLIKUM te komen OM TE GRAVEN en te ARBEIDEN en ALDAAR allerleije eetwaren te koop te brengen. (Den 18 September 1572.)

Omslag van twee stuivers op de Florenen (goudguldens) tot onderhoud der Soldaten te BERLIKUM, en DAAR omtrent leggende. (Den 2 October 1572.)

Copie van een quitantie van 200 Caroli glds. by Epo Lyauckama ontvangen ter cause van sekere gravinge en slootinge van de Zijll toe Ropperda (Ropta syl) binnen en buitendyks. (den 28 november 1528.)

Annulatie van ’t Octroy door ’t Collegie aan de schippers van BERLIKUM gegeven, alzo zulks aan de Staten competeert. (24 november 1673.) etc. ........ .........

Fuotnoat:

(* DE SLACH by WARNS.

Op 26 sept. 1345 kaam in grutte float ûnder lieding fan Greve Willem fan Henegouwen en Hartoch Jan fan Beaumont út Hollân nei STARUM ta om Fryslân te feroverjen. De ridders yn harren swiere harnassen (de hynders wienen thús litten) wienen net tsjin de oanstoarmjende Warnsers opwoeksen. De weromwei late net wer nei Starum ta, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In protte soldaten kamen om, ek Willem. Doe ’t de manlju fan Beaumont it hearden, rekken hja yn panyk en besochten mei de boaten wer werom nei de oare kant fan de Súdersee te flechtsjen. Dat slagge úteinliks mar in lyts ploegje. De FRYSKE FRIJHEID wie rêden. De betinking fynt elts jier noch plak te Warns op de lêste Sneon fan Septimber. (Slach by Warns) Op in grutte tinkstien dêr stiet de rigel: “Leaver dea as slaef”.

WESTERGO / EASTERGO / SÚDERGO

Om 800 hinne bestie Fryslân út trije dielen. Westergo en Oostergo, repektivelik westlik en eastlik fan de Middelsee en it lytsere Súdergo yn it súden. Westergo bestie al om 700 hinne as V(W)uistrachia. De útgong go (gea) ferwiist nei go (goo), in âlde bestjoersienheid ûnder lieding fan in greve (greef). Oan it ein fan ‘e iere midsieuwen wie Westergo al in “ûntwikkele” en “ryk” lân en it meast tichtbefolke part fan Nederlân. Yn 1086 wurdt Súdergo, of in part dêrfan, it greefskip STARUM neamd. De nammewiziging fan it gebiet is te ferklearjen trochdat Súdergo tusken 845 en 1086 foar in grut part ferswolgen waard troch de almar útwreidzjende Súdersee. Healwei de 13de ieu hawwe de Friezen de greef fan harren ôfskodde en binne hja harrensels bestjoeren gien. (Karel de Grutte soe de Friezen al dy frijheid jûn hawwe omdat hja him holpen hienen om Rome te befrijen) Ek Westergo waard in frij en soeverein lân en koe sjoen wurde as ien fan de âldste republiken fan Jeropa. Om 1300 hinne bestie Fryslân út de dielen Westergo en Oostergo. Dy foelen letter útien yn distrikten as Froneackere (of Fiifdielen) en Wildinghe en Wagenbrugge yn it súdwesten fan Westergo. Dêrút ûntstienen letter de gritenijen Wymbritseradiel, Himmelumer Olderferd en Noardwâlde. Neist Westergo en Eastergo kaam nei 1450 in nije go yn byld: Sânwâlden. (Silwolde) *) Krekt om 1500 hinne is de provinsje Fryslân ûntstien. De goën (gouwen) waarde lânkwartieren. Letter dammen ek dy oan krêft en betsjutting yn, en tsjintwurdich wurde se as lânkontrei somtide noch neamd. Nei ieuwenlange opsplitsingen fan de goën yn distrikten, gritenijen en (fia mairiën) gemeenten ûntsteane der tsjintwurdich wer gruttere bestjoersgebieten.

MENAMERADIEL sil mei koarten ek wer fusearje mei ien as mear oanswettende gemeenten ta in grutte gehiel, sa is de bedoeling. De namme WESTERGO (of Noardlik Westergo) soe in moaie namme wêze om ús yn ús tinzen werom te bringen nei eardere tiden. FRONECKERE of wol Frjentsjer, it eardere distrikt, kin dan moai wer, no ek wer as stêd, it haadplak wurde fan dit gruttere bestjoersgebiet.

MENAMERADIEL is nei alle gedachten yn ‘e twadde helte fan ‘e 14de ieu ûntstien. Yn 1401 wurdt foar it earst earne yn ‘e argiven gewach makke fan MENALDUMADEEL. Yn 1354 wurdt noch sprutsen fan it distrikt FRANEKERE wêr ’t it gebiet MENAMERADIEL ûnder foel. Hjir kin men út konkludearje dat MENAMERADIEL tusken 1354 en 1401 ûntstien weze moat.

*) Fuotnoat:

Noch fierder werom yn de tiid fan ’e Karolingers hjitten de trije Gooën (Geaën): Pagus Westrachus, Pagus Ostrachus en Pagus Suthtragus

DE SLACH by FRONEN.

Yn 1297 fynt in bluodderige striid (slach) by Vronen (< Franloo no St. Pancras) plak. De WEST-FRIEZEN probearren harren selsstannigens werom te bemasterjen op de Greven fan Hollân. Dit wie it lêste besykjen dy ’t hja dêrta ûndernommen hienen. It betsjutte ek it ein fan it doarp, dat alhiel yn flammen opgie. Yn 1288 of 1289 wienen de WEST-FRIEZEN harren autonomy (FRIJHEID) kwytrekke. Yn 1991 ûntdutsen argeologen by in opgraving by it Midsieuske tsjerkhôf fan it eardere Vronen 132 skansearre skeletten fan persoanen dy ’t dêr begroeven leinen. (Franloo is ferbastere ta Vronen, en Loo , in Rom. offerplak meastal ûnder in Ikebeam)

In om 1230 hinne berne ridder Jacob Bartholomeus van Wassenaar is yn 1272 by in eardere slach te Vronen sneuvele tsjin de West-Friezen. Lettere sibbeleden fan him binne folle letter om 1500 hinne op it Bilt kommen te wenjen. Sa wenne de om 1474 hinne te Sassenheim berne Steven Willem Wassenaar, troud mei Hadeweij Cornelisdr. Keth (Ket) letter as boer op de pleats “Molenschot” o.d. Middelweg 203 ûnder Sint Jabik by BERLTSUM. De Wassenaars, de Keth’s, de Kuyckens, de Poelgeesten etc. etc. binne hjir sa ek kommen te wenjen nei it ynpolderjen fan it Bilt.

1298 - Yn Haarlem stjert Jan I., Greve fan Hollân, de soan fan Floris de V. Mei him stjert it Hollânske Hûs út. Dan begjint it Henegouwske Hûs. WEST-FRYSLÂN wurdt foargoed fan it oare (d. i. ús) Fryslân skieden.

It WEST-FRYSK FOLKSLIET.

VRIJE Friezen, laat ons zingen

Ongedwongen, vrij en blij,

Laten we ons in’t koorlied mengen

Van west frieslands burgerij.

VRIJHEID bruist in onze harten,

Vrijheid kenmerkt onze zang

Vrijheid is ons aangeboren-

Fries en vrij, ons leven lang!


Land omringd door zware dijken,

Land ontwoekerd aan de zee,

Met Uw groene klaverweiden

En het nuttig zwartbont vee.

Met Uw bloeiende landouwen,

Kostbare akkers, golvend graan,

Vruchtbare tuinen, groentebouwers-

Bronnen van ons volksbestaan.

Land van Radbou(d), Coen en Schouten,

Willem IJsbrantsz. Bontekoe,

Land van onze Paulus Potter,

Nooit ben ik u prijzens moe.

Plekje grond, rijk aan historie,

Waar de zee ruischt langs het strand,

‘k zing Uw roem, Uw glans en glorie-

‘k heb U lief, mijn Vaderland.

DE FRYSKE FRIJHEIDSSIN.

Doe ‘t Willem II., Greve fan Hollân (1228 – 1256) by eallju en geastlikheid besykjen die om him as Hear fan Fryslan te erkennen, die hy oan de potintaat Sicco Sjaerdema it oanbod him te belienen mei it Greefskip West–Fryslân, mar de ûnbaatsuchtige ealman skriuw de Greve: “Grootmachtige Coninck en wilt U te vergeefsch niet nodigen. Meent ghy dat ick om my en om myn geslachten te verheffen een VERRADER wil syn ende de nakomelingen van die VRYHEID beroven, die onze voorvaders boven alle goedt geacht hebben. Laat verre een goedtgierigen en oneerlyck harte van my syn. VAERT WEL ende wilt my NIET uw brieven meer begroeten, want ick na dese GEEN wil ontvangen. (It Sjaerdemaslot stie fanôf 1464 oant 1727 op it Sjûkeklân)

Wt onse huyse Sjaerdema, den 9 augusty duysent twee hondert negen en veertich. (9- 8-1249)

Hy lit dan sels in gouden munt slaan mei de opskriften: Sicco Sjaerdema, potintaat fan Fryslân. (Sixtus Sjaerdema, potestas Frisiae) Fryheid is mear wurdich as goud (Libertas praevalet aura).

Sicke Sjaarda wie in figuer út in sêge de skiednis fan Fryslân oangeande. Oer de wrachtige histoaryskjeteit besteane gjin boarnen, noch bewizen. Sjaardema soe de 8ste potintaat fan Fryslân west hawwe. De sêge giet, dat Sicco, Sikke of Sicka út Drylst kaam, hy soe yn it Latynsk Elostoe neamd wurde en yn 1237 ta potintaat fan Fryslân keazen wêze. Hy wie meiien legeroanfierder.

GODEFRIDUS (GOFFE) ROORDA.

(De swarte Keizerlike HEALE EARN yn it sibbe wapen.)

Goffe (1085-1141) de soan fan Ruurt Haringhs Roorda en (1030 - -) en Ansck Joannama Syts Camstra (1042 - -) wie boaske mei Claer Fredericksdr. Van Adelen (1090-1180) ......... Goffe zou samen met Magnus Forteman van Almenum (by Harns) naar Rome getogen zijn en nevens hem en andere Friezen (700), in het jaar 809, die stad, welke tegen Karel (de Grutte) oproerig geworden was en hem hare poorten niet wilde openen, hebben ingenomen ter beloning daarvan veroorloofde de Keizer alle Friezen, die mede te Rome geweest waren, zijne Keizerlijke adelaar ten HALVE IN HUN WAPEN te voeren, zooals Goffe dan ook gedaan heeft, deelende hij zijn Schild in de lengte en plaatsende den HALVE ADELAAR van fabel op een veld van goud ter iedere zijde, welk voorbeeld altijd door alle Roorda’s, van Tjummarum en door andere Friezen in het algemeen is gevolgd worden. De onderhaalde woorden verdienen opmerkzaamheid: niet alle Friezen, maar ALLEEN DIE, welke toen te Rome geweest waren en dus ook maar de nakomelingen van die alleen zouden voortaan den Adelaar ten halve in hun Wapen voeren mogen en ziedaar gewis de reden waarom Jancke Douma, van Oldeboorn zich in zijn B. de P., blz 52 beklaagt, dat zoo vele, om wie het nog zou te bezien staan, of zij daartoe het recht hebben, dien Adelaar evenwel in hun Wapen plaatsen. Goffe Roorda trouwde IJdt Forteman en verwekte by haar Johan Roorda die, by Syts Hermana, vader werd van Ruurd Roorda. Ferskate Roorda ’s út dizze sibbe hawwe hjir letter ek yn BERLTSUM wenne. (û. o. in Cristoffel van Roorda (1561) in Schelte Roorda (1569) in Swob Roorda troud mei Otte Hanya (1589) Yn ús hûs Mulseleane 27 hat ek in Ruurd Roorda (ôfkomstich fan Baaium) út dizze sibbe ôfkomstich, wenne. Fan him en syn frou Betsy Jans Faber hawwe wy dit hûs oan ‘e Mulseleane yn 1971 oankocht.

Bron: Stamboek van den Friesche Adel.

MARIJE.

Yn 1510 waard de “Ljouwerter omgong” wer talitten. Yn 1500 hie de Hartoch fan Saksen dizze ferbean. Marije wie it symboal fan de Fryske frijheid: “Regina Fresoarum, Keninginne fan ‘e Friezen”. Doe ’t yn 1509 in wettersneed Fryslân rekke op Fryske Leaffroudei – 28 septimber – waard dizze gewisse oan it prosesje ferbûn. Letter yn 1510 stie de Hartoch dus de omgong wer ta.

DE FRIEZEN.

De FRIEZEN, een volk van GERMAANSE oorsprong, werden in de achtste eeuw overwonnen door de Franken. HUN TAAL, die aanmerkelijk verschilt van het Hollands, wordt nog door een aanzienlijk aantal van de bevolking gesproken. In de vroege Middeleeuwen strekte Friesland zich uit van de rivier de SCHELDE in het zuiden tot aan de WESER in het noorden. Later werd een deel van FRIESLAND veroverd door de GRAVEN VAN HOLLAND. Toen HOLLAND in 1433 overging naar het Huis Bourgondië, werd de autoriteit van de Bourgondiërs door de Friezen, die streefden naar onafhankelijkheid, niet erkend. In 1498 droeg (Roomsk kening) Maximiliaan I. de zeggenschap van geheel FRIESLAND over aan Hertog ALBERT (Albrecht) van SAKSEN (as erflik gubernator). Albert kon het niet voor elkaar krijgen dat de Friezen hem als hun gebieder gingen erkennen en in 1515 zorgde zijn zoon ervoor, tegen betaling, dat FRIESLAND weer onder het bewind van Maximiliaan kwam. De kleinzoon van Maximiliaan, KEIZER KAREL V. veroverde in 1523 met geweld een gedeelte van FRIESLAND. (OOST-FRIESLAND, dat in 1454 een zelfstandig gebied was geworden, was niet betrokken geweest bij de verkoop, zodat de geschiedenis van OOST- FRIESLAND een eigen loop had.) FRIESLAND sloot zich in 1579 aan bij de UNIE VAN UTRECHT (de Ferienige Nederlannen of Frije Provinsjes) tegen de Spaanse overheersing, maar het bleef zijn eigen stadhouders aanstellen tot 1748, toen de STADHOUDER VAN FRIESLAND, Willem IV. van Oranje (Nassau), benoemd werd tot ALGEMEEN stadhouder van alle Verenigde Provincies van Nederland in opvolgende lijn.

In protte minsken dy ’t de Reformaasje tadien wienen en ferfolge waarden, flechtten dan ek flak oer de grins nei East-Fryslân ta, nei de stêd Embden (en omkriten). Sa ek, de op iennei lêste Abt fan it Kleaster Lidlum, Ysbrand fan Hurderwyk. Dêr wienen hja feilich.

(sjoch 18. )


IT FRYSKE FOLKSLIET.

1.

Frysk bloed tsjoch op! Wol no ris brûze en siede,

en bounzje troch ús ieren om!

Flean op! Wy sjonge it bêste lân fan d‘ ierde,

it Fryske lân fol ear en rom.


Klink dan en daverje fier yn ’t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun!

Klink dan en daverje fier yn ‘t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun.

2.

Hoe ek fan oermacht, need en see betrutsen,

Oerâlde, leave Fryske grûn,

Nea waard dy fêste, taaie bân ferbrutsen,

Dy ‘t Friezen oan har lân ferbûn.


Klink dan en daverje fier yn ’t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun!

Klink dan en daverje fier yn ‘t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun.

3.

Fan bûgjen frjemd, bleau by ‘t âld folk yn ear

Syn namme en taal, syn frije sin;

Syn wurd wie wet; rjocht, sljocht en trou syn leare

En twang, fan wa ek, stie it tsjin.


Klink dan en daverje fier yn ’t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun!

Klink dan en daverje fier yn ‘t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun.

4.

Trochloftich folk fan dizze âlde namme,

Wês jimmer op dy âlders great!

Bliuw ivich fan dy grize, hege stamme

In grien, in krêftich bloeiend leat


Klink dan en daverje fier yn ’t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun!

Klink dan en daverje fier yn ‘t

roun. Dyn âlde eare, o Fryske groun.

E. Halbertsma.

H. Chr. Schnoor.

FRYSK FOLKSLIET. (“De âlde Friezen”)


Tsjoch op = bliuw net stilstean

betrutsen = yn gefaar brocht

Sljocht = ienfâldich

Jimmer = immer, altyd

Trochloftich: ndl. Doorluchtig

L. C. 28-9-1957

In FRYSKE FLAGGE fan 1558 ûntdutsen.

Wichtige fynst foar de banistyk.

L. C. 28-1-1815.

By Zn. Ms. besluit van den 15 January, no 57, is aan mr. G. W. C. D. baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, op verzoek eervol ontslag verleend als plv. Kantonrechter te BERLIKUM. Prov. Friesland.

TRIJE KRÚSJALE MOMINTEN YN DE FRYSKE SKIEDNIS.

Inkelde krúsjale mominten yn de Fryske skiednis wêryn’t de Friezen harren oriïntearje moasten op in nije takomst: Wa binne wy, wat bynt ús, welke wearden en symboalen binne wichtich. Yn alle trije fazen wienen steatkundige feroarings de katalysator fan it proses fan identiteitsfoarming. Ta de EARSTE fase kin rekkene wurde de 13de en de 14de ieu, doe’t Fryslân in foar Jeropa útsûnderlike steatkundige situaasje ûntwikkelde. It lânshearlik, grafelik gesach ferdwûn en de provinsje waard in gebiet mei autonome, frije “republikjes”. As begjin fan de TWADDE fase kin it jier 1498 neamd wurde doe’t Fryslân troch Albrecht van Saksen ferovere waard en der in ein kaam oan de Fryske frijheid, oan it Fryske rjocht en úteinliks ek oan de posysje fan it Frysk as skreaune taal. Om 1600 hinne waard it in autonoom gewest binnen de Republyk fan de Feriene Nederlannen. Binnen dit steatkundich kader moasten de Friezen harren in nije takomst skeppe. In TREDDE fase brekt yn de 19de ieu oan nei de fal fan Napoleon. Fryslân ferlear syn autonomy en waard in provinsje yn de ienheidssteat fan de Nederlannen. It politike ferlies waard kompensearre troch de opbou fan in nije, krêftige identiteit wêryn skiednis en taal de dominante kenmerken wienen. De idealen fan de yn de 19de ieu ûntstiene Fryske Beweging binne hast yntegraal nei de Twadde Wrâldoarloch troch de provinsjale polityk oernommen en yntensivearre nei Kneppelfreed yn 1951.

DE OPSTÂN TSJIN SPANJE

De opstân tsjin Spanje wie yn it foarste plak gjin leauwestriid mar in frijheidsstriid al begûn dit letter ek mei te spyljen. De saneamde ‘Tsiende Pinning’ wie úteinliks de lont yn it krûdfet. It gie hjir om it ynfieren fan in heffing fan tsien prosint op al it los guod. (dus in soarte fan BTW sa ’t wy dat no kenne) De kening fan Spanje, Philips II. hie dêrfoar net it goedkarren frege oan de Steaten. Boppedat liedde dizze belêsting ta it oantasten fan de konkurinsjeposysje fan Hollân as hannelsnaasje. En foar in protte minsken betsjutte it simpelwei dat hja net mear yn harren earste libbensbehoefte foarsjen koenen. It folk koe dit ûnrjocht net ferdrage.

DE IENHEIDSSTEAT

De Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen (ek wol de Sân Provinsjes neamd) is yn de tachtich jierrige oarloch ûntstien, sawat it hjoeddeiske Nederlân kin men wol sizze. Fan dizze sân autonome gewesten wienen der trije see gewesten t. w. Seelân, Hollân en Fryslân elts mei in eigen admiraliteit d. w. s. mei in eigen oarlochsfloat. Eltse Provinsje hie in eigen souvereine Steaten- gearkomste. It mienskiplike leger, it saneamde Steatkse leger waar meastal oanfierd troch de Oranje Nassau sibbe. Hja wienen formeel inkeld yn tsjinst fan de Republyk mar hienen wol in grutte ynfloed en in grutte stim yn it kapittel as it om de gong fan saken gie. Tsjin de Spanjoalen (Spanjerts) waard fakentiden mienskiplik, ik moat earder sizze altyd mienskiplik, oarloch fierd. De soldaten waarden doedestiids ynhierd. Wa it measte jild hie koe ek de measte soldaten betelje. Folkslegers binne folle letter ûntstien. Omdat yn Hollân it measte jild siet, hie dizze provinsje ek it measte yn te bringen. (Wie betaalt, die bepaalt) De fertsjintwurdigers fan de souvereine steaten holden harren gearkomsten yn de Steaten Generaal yn Den Haach. Hjir waarden de mienskiplike belangen besprutsen en ek bestjoerden se de Roomske gebieten dy ‘t op de Spanjoalen bemastere wienen. Fryslân hat altyd mar swak meispile yn die tiid omdat hja net it measte bydroegen yn de mienskiplike kosten fan it oarlochfieren. Pas nei de komst fan de Frânsken yn 1794 / 1795 kaam oan dit oparbeidzjen in ein en krigen wy de ienheidssteat. De Bataafske Revolúsje dy ‘t mei Frânske stipe trochfierd waard makke dat ús lân in sintraal liedend Keninkryk mei Provinsjes waard mei in lânsbestjoer yn Den Haach. De Republyk fan de Feriene Nederlannen hie sa ‘n 225 jier bestien.

(Sjoch by Yde Hylckes Colaerdt, begroeven yn BERLTSUM en by Tjerk Hiddes de Vries.)

DE HOLLÂNSKE OERHEARSKING.

De Hollânske oerhearsking is hjir altyd tige grut west. Foar eigen taal en kultuer moast altyd fochten wurde en net allinne hjir mar ek yn in protte oare parten fan Nederlân, al wie dat wol yn mindere mate. Op in protte plakken yn ‘e wrâld en Jeropa is it al net oars. Tink mar oan België wer ‘t de Frânskpraters it altyd oer it, yn harre eagen, “boerske Flaamsk” hienen. Doe’ t Freark Oanes Dykstra en ik ris op de brommer op fakânsje wienen op wei nei Parys dienen wy ek Brussel oan op de hinnereis. Dêr waard foarhinne oar it algemien in protte Flaamsk praten en no is it yn haadsaak Frânsk. Doe ‘t wy Frânsk sprekkende Belzen, dy ‘t wegeren ús yn it Flaamsk te wurd te stean, hieltyd yn it Frânsk oanjoegen dat wy út Fryslân kamen en wy yn haadsaak Frysk praten, gie de stemming fakentiden sa om en koenen se ek samar ynienen ús yn it Flaamsk (Hollânsk) te wurd stean. Wy seinen dan tsjin inoar, se sjogge ús grif ek oan as fjochters foar de eigen taal. Yn Parys troffen wy yn it Jeugdhotel in pear jongfammen oan út Kateloanje yn Spanje. Dêr wurdt troch sa ‘n 6 à 7 miljoen ynwenners it Katelaansk sprutsen. Doe ‘t ik oan Freark fertelde (hy ferstie gjin Frânsk), dat it Spanjoalen wienen, krige ik al gau fan harren te hearren dat hja GJIN Spanjoalen wienen mar KATALANEN! Hja hawwe harren eigen kultuer en sjogge Spanje mear as harren buorlân. It wie wol te begripen. Wy seinen tsjin inoar, wy binne ek gjin Hollanners mar Friezen en hawwe ek ús eigen kultuer. Flamingen sjogge harrensels net iens as Nederlanners, lit stean as Hollanners.

Yn it Bûtenlân leit dat wat oars. Dêr wurde wy ek wol Hollanners neamd yn stee fan Nederlanners. Yn Grut Brittanje wurde alle ynwenners (Ieren, Skotten en Ingelsken troch de bûtenlanners ek allegear as Ingelsken oantsjutten. Fan alle stammen yn Israël wurde hjoed de dei no ek noch de eardere bewenners fan de stam Juda, de Joaden (Juden), fakentiden troch de bûtenlanners oantsjutten as de bewenners fan Israël en gean sa mar troch. De measte ynwenners of op tichtbewenne plakken wenjenden hawwe meastentiids ek de measte ynfloed en it jild. Yn Spanje is krekt oarsom. Kataloanje is in autonoom gebiet yn Spanje en dizze Noardlike regio fertsjintwurdicht MAR 6 prosint fan it oerflak fan Spanje en MAR 16 prosint fan de Spanjoalen, mar stiet wol foar 1/5 fan it bruto ynlânske produkt, in kwart fan de yndustriële produksje en hast 1/3 fan de eksport fan Spanje, in lân dat al ekonomyske swierrichheden genôch hat.

Noch in foarbyld:

Frankryk is in tige sintralistysk lân, krekt as Nederlân. Parys hie en hat de leie yn hannen. It freget moed om yn sa ‘n lân mei ûnderwiis yn de streektaal te begjinnen. Dat it regear oangeande de taal de baas spylje woe, die al bliken yn 1870 doe ‘t de Tredde Republyk in programma ûntwikkele om fan de “paysans” (boeren) dy ‘t in boeredialekt sprieken, Frânsken te meitsjen. Doe ‘t de foarstanners fan it twatalich ûnderwiis yn Bretagne (Breitz yn it Bretonsk) in “petite place” fregen, hearden se in dúdlik NON. Bretagne waard, lykas de oare taalminderheden yn Frankryk , it slachtoffer fan it ymperialisme fan Parys. Yn elts skoallokaal kaam in kaart fan Frankryk te hingjen en yn alle skoallen moast deselde lesstof yn it hiele lân op deselde tiid jûn wurde. De praters fan it Bretonsk sprekke, lykas it Iersk en it Welsk, in Keltyske taal. It Bretonsk is no neffens de noarmen fan UNESCO in tige bedrige taal. Hawwe de Bretonsken de oanfal op har taal samar oer harren hinne komme litten? Lykas yn Fryslân fûnen de measten it wol goed dat de eigen taal ynruile waard foar in taal mei mear macht en status. Mei it Frânsk (en it Hollânsk) komt men ommers folle fierder, wie de simpele redenearring. In ploechje idealisten hat as libbene fisken tsjin de stream ynswommen en it is harren slagge om it Bretonsk in plak yn it ûnderwiis te jaan. Sa is it ek yn Fryslân gien. It giet der om wat foar taal it meast brûkt wurd yn it deistich minskelibben en net fan hoe fier kom ik der mei. Lit ús dan allegear mar de Ingelske taal leare. Dy kant giet it yn de hieltyd mar lytser wurdende wrâld dochs op. Sjochris op de grutte winkels yn de stêden. Alle opskriften binne hast yn it Ingelsk. Young men shop. Eat Counter. Mazzel Shop, First Lady, Tire Center etc. De kompjûtertaal is haadsaaklik Ingelsk. It heger ûnderwiis is foar in grut plak ek al oergien op it Ingelsk en gean sa mar troch. As men nei de Nederlânske en kommersjele tillevyzjestjoerders sjocht is de sprutsen taal wol foar 80 % yn it Ingelsk. (mei in protte ûndertiteling) Doe ‘t ik 40 jier lyn yn Amsterdam wenne waard ik ek troch betsjinjend personiel (troch gewoante) faak ek yn it Ingelsk oansprutsen. Wat ús opfallen is by ús reizgjen, nei û. o. België, (it Belzenlân) Ierlân, Skotlân, Spanje en Israël, is, dat dêr ek, lykas yn Fryslân, in protte twa- en trijetalige buorden oan de kant fan ‘e dyk steane. Witte jimme wol dat it grutste part fan de minsken op de wrâld meartalich ûnderwiis hân hat? Sa frjemd lykjend is it dus net!

Yn it eardere ‘East-blok’ (efter it doe saneamde “Izeren Gerdyn”) waard oeral it Russysk as twadde taal ûnderwezen. Doe ‘t wy yn Tsjecho–Slowakije mei fekânsje wienen rekke ik yn petear mei in pastoar. Hy spriek allinne mar Tsjechysk. Ik sei tsjin de man lit ús it ris yn it Latyn besykje. It gie fan beide kanten net allike flot mar it slagge ús tige. Sa waard op dat stuit dy âlde taal wer ris de wrâldtaal wat it alearen tidenlang west hat en dy ‘t no ferdrongen is troch it Ingelsk as wrâldtaal.

IT LATYN.

It Latyn wie tradisjoneel de taal fan de liturgy yn de Roomske tsjerke. Ek no noch is it Latynsk de amtlike taal fan it Fatikaan. De lytste Steat fan ‘e wrâld is de ienige mei in deade taal as offisjele taal. De Roomske tsjerke is troch it gebrûk fan dizze wrâldtaal, oant hjoed de dei ta, beskermer en promotor fan it Latynsk. Geandewei is it Latyn as folktaal ferdwûn en waard it in taal foar belêzenen. De kennis fan it Latynsk bliuwt fan fundaminteel belang foar de kennis fan de boarnen fan it Kristendom en oangeande de kennis fan de tsjerkfaars en harren skriften. It Latyn hat in protte Jeropeeske talen beynfloede. Dat jild by namme foar it Nederlânsk. Fan alle lienwurden dy ‘t wy hawwe, komt 68.6 prosint út de Romaanske talen (it Latynsk, it Frânsk, it Italiaansk ensafuorthinne. Alle Romaanske talen hawwe it Latyn as oarsprong. Fan de Romaanske lienwurden komt plm. ien tredde streekrjocht út it Latyn. Hjirby binne net allinne “drege” medyske of wittenskiplike wurden, mar ek deanormale wurden as muorre/muur, tegel, beker, bier, biet, duig, fakkel, fabel, fuif, gips, griffel, keamer, kalk, kakke, kamiel, kap, keizer, tjettel /ketel, most, moerbei, muts, mantel, peal, pear, pan/panne, pagina, pacht, paard, pot, pop, schouw, schotel, pus, schrijven/skriuwe, roas, tekst, tol, vork/foarke, wal, watten, wike wyn, wyk, sek, segel, seine/zegen, souder en suver. Ien fan de problemen fan it Latyn as deade taal is, dat der gjin sprekkers binne dy ‘t nije wurden fersinne foar nije saken en ferskynsels yn it moderne libben.

De preester Carlo Egger probearre yn 1992 dat gat te foljen mei syn Lexion Recentis Latinas. Foar syn wurdeboek fan eigentiidske termen binne nije wurden makke as: machina linteorum lavatoria (waskmasine), fluxus interclusio (file). Oare nije Latynske wurden binne foar tillevyzje: imaginum transmissio per electricas undas (letterlik: it byld oerbringen fia elektryske golven), foar radar: radio-electricum instrumentum monitorium, foar sintrale ferwaarming: calefacientis acqua ductus, foar atoombom: pyrobolus atomicus en foar bandrecorder: magneto-phonicum, foar smaarjild: largitio quastuose (ofwol ‘te tinken mâle skinking’) etc. Ik fûn ûnregelmjittige tiidwurden net altyd maklik te learen as waskje: lavare, lavisse, lautum, lêze: legere legisse lectum en gean sa mar troch. Mar ja, sa hat eltse taal syn swierrichheden.

Nieuw Leidsche Courant 18-4-1967

Friezin mocht geen belijdenis doen in de landstaal.

Dokkum – Aan mej. W. Postmus, lerares in het Friese plaatsje BERLIKUM, en afkomstig uit Dokkum, is het niet toegestaan in een Friese dienst van de Gereformeerde kerk van Dokkum belijdenis te doen. Een paar maanden is ze op belijdeniscatechesatie in BERLIKUM geweest, waar ze als dooplid van de Gereformeerde kerkstaat ingeschreven. De kerkeraad van Dokkum heeft het verzoek afgewezen omdat juffrouw Postmus nu bij BERLIKUM hoort.