BERLTSUM wie dan wol net it haadplak fan de gemeente MENAMERADIEL, it wie wol hiel lang it grutste doarp yn de gemeente. It wie neist túnkers/hôfkersdoarp ek foaral middenstânsdoarp. Der wienen in protte winkeltsjes en bedriuwkes wêr ’t de ynwenners in bestean yn fûnen. Yn it midden fan de 20e ieu wienen dêr noch: yn elts gefal fjouwer slachters, en dan neam ik samar wat winkels mei samar wat nammen, as in Douwe Hette ‘s Hettema, in Fedde Joh ‘s. van der Graaf, in Sybren Wopke ’s Spanjer, in Klaas Lolke ’s Smit. Âlve bakkers wienen der, lykas in Douwe Palma (Douwe en Dieuwke) en derfoaroer yn de Buorren in Piet Palma, in Hette Gerrit ’s Jellema, in Jan Ulbe ‘s van Dijk, in Jan de Jong, in Tjeerd J.(urjen ‘s) Posthuma, in Durk Willem ‘s Renzema, in Paulus Hofstra, in Thomas Rispens (earder Turkstra) in Jouke de Vries (earder P. R. de Boer) en in Heine Egberts van der Meer. Seis winkellju, lykas in Durk Frans Wiegers Steenstra, (Durk en Yke) en letter Frans Haarsma (Frâns en Geiske), lid f. d. “Sperwer”, in Dirk Joh ’s. van Wigcheren, lid f. d. “VéGé”, Jan van der Meer, lid f. d.” Spar” (letter Willem Rondon en dêrfoar oant har ferstjerren yn 1955 ta, in Willemke Lautenbach - Kooistra, de mem fan Simon en Heerke Jan ’s Lautenbach c. s.), in Durk P.(ieter ’s) Terpstra, lid f. d. “Cööp. Excelsior”.
Rjochts de Vivo winkel fan A.W. Miedema
Hûs fan Oane Boomsma (lofts op de hoeke Buorren/Lytse Buorrren)
In Auke Wop ’s Miedema, lid f. d. “Vivo”, in Albert P.(ieter ’s) van der Ploeg, in Heerke J.(an ’s) van der Plaats en fierder hienen in âldfaam, as Grietje Tjallings Miedema (mei de bynamme “Gryt pakje tee”), in widdofrou as Sietske Post - de Haan (“Sietske bûterbonsje”), beide wenjend op de “Rolsma”- streek, en in widdo Uilkje Dusselaar - Klaver, dy ’t midden yn de smalle Buorren wenne, mei in winkeltsje, al wie it wat yn beheinde mjitte. De lêstneamde hie yn de winkel guod lykas bgl. wekglêzen en ringen, petroaljestellen, potten en pannen, klompen etc. Fjouwer grientelju wienen hjir, lyk as in Aelze Groeneveld, in Kees Korf, (letter oernommen troch syn skoansoan Jacob Wiersma, yn 1951 tr. m. Willemke Korf), in Wieger Rintje ’s Rekker, de “Brug” winkelman, en in Willem Klazes Pranger. Foar izer- en smeiwurk koenen hja terjochte by de twa (hoefizer) smidderijen lykas in Douwe Doeke ’s Sijens en in Minne Abe ’s van der Meulen of yn de izerwinkel en lânbou-nedichheden fan Sytse Winselaar. In drogisterij annex optyk winkel (boud yn 1880) wêryn de frijfeint Anne Anske ’s Boomsma wenne, dy ’t de Berltsumers dy ’t sjender-eachen efterútgongen, der wer boppe op holp en wer útsjoch joech. Hy hat in hiele protte doarpsflms makke dy ’t dan letter wer yn de wintertiid, yn de grutte efterseal, fertoand waarden by kastlein Douwe Fokkinga yn it “Hof van Holland”. De lapke/tekstylwinkels fan Klaas Pieters Looyenga, Durk Wassenaar en Tsjerk Haagsma. Daniël (yn de folksmûle Daan) de Jager hie in oannimmersbedriuw yn it lizzen fan wetterlieding(buizen) e. d.) en in pompmakkerij. Hy wurke yn haadsaak foar de I. W. G. L. (Intercommunaal Waterleiding Gebied Leeuwarden). De trije fytsmakkers, lykas in Louw(rens) Hendrik ’s Posthumus, in Klaas Holstes Meijer beide yn de Buorren en in Auke Oeges de Vries dy ’t yn “de Hemmemapoarte” wenne boppe de winkel. Dan de trije brânjehannelers t. w. Harmen Douwe ’s Siegersma, Pieter Bangma en Lourens Zwart. De fiif timmer bedriuwen mei Pieter Lolke ’s Lolkema, in Lourens van Dokkumburg, in Pieter Douwe ’s van der Zee, in Popke Dooitje ‘s Schram, en de timmerman Klaas Smid. Skuonmakker Theunis Wassenaar “de skuonkletser” oan de Wiersterdyk, letter wenjend op de Sybestreek. De skuonwinkels oan de Buorren fan de med. diplomearre fuotkundige en ortopedysk maatskuon- makker Jelle van der Zande, troud mei Joukje Zondervan en letter noch fan Onijdus Gerrit ’s Sijtsma & Soan, dy ’t yn it pân mei de wiizerplaat kommen is te wenjen wêr ’t earder Klaas Holstes Meijer wenne hat, en dy ‘t krekt dêr foar ferhúze wie nei it hûs dêrneist op de hoeke Buorren/Tsjerkestrjitte. (Sjoch it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP op side 55) Hy hie neist de elektrowinkel (wytguod e. d.) ek in fytsewinkel. Klaas Meijer wie Enne S. de Haan yn 1936 opfolge, dy ’t foarhinne û. o. ek klok & oerwurkmakker en de útfiner fan it elektrysk klokliedenen west hat. Dan wienen dêr de elektro-winkels fan in Minne Klazes Palma en in Sjoerd Rinse ‘s Peterzon. Augustinus Jacobus Wetting hie in leadjittersbedriuw. Fjouwer kappers holden de Berltsumers koart op ‘e holle en glêd om it kin, t. w. Pieter Burrie, Frits (Focco) Frölich, Jouke Zuiderhof en Johannes Halma. Minne Douwe ’s de Geele hie in drankwinkel foar de (stille) drinkers thús. Lutske Gysbert ’s Bosma, de widdo fan Abraham Albert ‘s Walsweer, (hy wie kleanmakker) en hja runde in boek- en boekútlienwinkel foar de net útlêzene Berltsumers. (* yn dit foarige ôfbrutsen winkelhûs, no de Buorren húsnûmer 36, wenne yn 1846 de Berltsumer sulversmid Jan en Rinze Jans Spaanstra), It N. N. K. (Noard Nederlânske Keunstdonghannel)-bedriuw, no “Agra-totaal”, hannele yn keunstdong, feefoer en branje. Fuormanderijen (tsintwurdich leanbedriuwen neamd) waarden útoefene troch bygelyks in Jan- en Douwe Douwe ‘s Wassenaar, in Hielke Durk ’s Herrema en in Fedde Gooitzen ‘s Sjoerdsma. Op it Hemmema-plein wie Ate Westra de klompenwinkelman dy ’t soarge foar “de “Skerjontsjes” e. d.. Oan de winkelbûtenmuorre hong in grutte giele klomp. (oant 1937 ta hie S. Posthuma wenjende oan de Achter(om)weg (Hôfsleane) hjir ek al in klompewinkel annex krûdenierswaren en grutters- waar.)
Eardere pand skildersbedriuw fan Sjoerd Plantinga
Fervers wienen Durk Ale ‘s Strooisma, Romke Meindert ’s van Reenen en Sjoerd Plantenga, (Sjoerd en Seeske Plantenga – Hek sûnt 1942 oant 1989 ta) de lêstneamde as opfolger fan Joh. Hoekstra. Dan wie der de tabakswinkel fan Freerk Durk ‘s Lautenbach, in sosiaal man, dy ‘t de Berltsumers holp as hja (oan) de sigaar wienen. De kiosk op it Hemmemaplein fan Johannes Wytze ‘s de Haan. Hjir wie ek smokerij, prúmtabak e. d. te krijen. (Lam)bertus Postma dy ’t earst mei syn mem (“moeke”) yn ien fan de seis wenten op de Skythúsbuorren wenne en letter op It Dok. Hy wie boekbiner en in neef fan de doe yn de Smidssteech wenjende koaltsjer Lammert Nanne ’s Osinga. Ulbe Klazes Pranger hie in hôf/túnker (hoveniers) bedriuwke. Letter is Johan van Tuinen sûnt 1996 in hôf/túnkjen (hoveniers) bedriuw begûn en dit is sûnt it jier 2000 fêstige oan de Hemmemawei. In blommenmagazyn fan G.(erben) R.(ein ’s) Schiphof. Harmen Geerts Brouwer (“Bline Harm”) fan de Wiersterdyk, wie hjir de bjindermakker en biezem-biner. Sytse Jan ’s Bosma wie de tsiiswinkelman en fan de “ringsegels”. As Hisse Feike ’s Brouwer op freedtemoarn altyd mei syn fiskkarre troch it doarp gie dan fierden de katten feest en dounsen op ‘e dyk. Hy struide dan lofts en rjochts mei de fiskkoppen. It wie krekt oft se wisten dat it dan wer safier wie. Se kamen dan út alle steegen en gatten wei. De fiskekop yn ’e bek en fuort wêze. In aardichheid om dêrnei te sjen. De boadetsjinst op Ljouwert wie fan de bruorren Dolf en Wybren Boomsma. Wybren is op 1- 7-1975 as lêste opholden. (Dizze Boomsma sibbe komt oarspronklik fan Minnertsgea / St. Jabik en stamme ôf fan Wybe Piers.) Dêrfoar wie it de kombinaasje Tuinenga & Boomsma en dêrfoar wer de boade (beurt) tsjinst fan de Fa. Visser & Wijkstra. De kombinaasje Visser & Wijkstra hat ek it eardere transport bedriuw fan Runia en de Bruorren de Haan oernommen. De bruorren Jacobus en Pieter Jan ’s Wassenaar hienen in feetransport en dongferfierbedriuw, wat letter yn útwreide sin trochset is troch de soannen Jan- en Koos Pieter ’s Wassenaar. Bram Joostema fan Minnertsgea en letter yn BERLTSUM wenjende oan de Jetskereed hie oant it jier 2000 ta in blommen- transportbedriuw. De trije brijkarren útgeande fan de Berltsumer molkefabriek mei as útsútelers Dooitze Hein ’s Dijkstra, Durk Gooitsen ‘s Sjoerdsma en Pieter Faber lieten de Berltsumers yn de waan, dat hja “mei molke mear mânsk” wienen. Fedde Jan’s Winselaar levere horloazjes, klokken, boarters- en oar lúksguod, mar ek as jo yn de priizen foelen. Dêrfoar siet hjir yn de winkel, syn skoanheit Sj.(oerd) (Aukes) Tolsma. De kleanmakkerij fan Wopke Auke ’s Miedema wie noch “manu factu”. Wopke wie jierren lang foarsitter fan it Bûn fan Kleanmakkers patroans. De printerij en boekwinkel fan de bruorren (Douwe en Beint) Westerlaan yn it gebou efter Buorren húsnûmer 84 soarge foar it printwurk en útjeften fan û. o. boeken en toanielstikken. Hjir wie oan de Tichelersdyk in pomp– blok- en mêstmakkerij, oant 1903 ta fan Thomas Rink ’s Groenveld en is letter fuortset troch syn soan Evert. De opfolgers yn 1907 dêrfan wienen de bruorren Wieger en F. B. van Dijk, wêrfan Freerk Bouwe ’s van Dijk de lêste pompmakker yn BERLTSUM wie. De kastleins Joh. E. Folkertsma en letter Jelke Douwe ’s Fokkinga (yn it “Hof van Holland”), sûnt 1941 Sybren Aukes van der Meij en letter Wiebe Jurjen Uitterdijk (oant 1968 yn it Café ”De Brug”) en in protte oaren soargen dêrfoar dat de Berltsumers net útdroegen, want oars waarden de beide dokters Jacob J. Kwast sr. en J. Kwast jr. der wer de dupe fan omdat hja dan wer opdrave moasten. Hellingbazen wienen de bruorren J. & B. (Jabik en Bernardus) en letter Jabik B. van Manen en in Jelke Harmens Jasper, beide fêstige yn de Bûterhoeke. Van Manen is yn de Bûterhoeke oergien op de bou fan lânboumasines op oantrún fan in âld-wurknimmer, no wurkjende yn de lânbou, wêr ’t hy ris mei opfytste nei in Publike ferkeap op ‘e Ryp. (Dronryp). Letter is it bedriuw ferhûze nei de Bitgumerdyk húsnûmer 7/a wer ’t no “Keunst & Kids Berneklean Outlet” yn sit. (it fabryk efter it hûs húsnûmer 7 mei de namme ”Anna-Dirk”.) No stiet it bedriuw tsjinoer it benzinestasjon oan de Bitgumerdyk op húsnûmer 12 mei de namme K. W. B. b. v. (Konstruksje Wurken BERLTSUM). Ek joech de jirpel- en grientefeiling “De Afslag” in soad drokte en op it súvelfabryk wurken in protte minsken. Yn de jirpelloadsen fan Jacob Douwe ’s van Dijk, Goasse Hylke ‘s Miedema, Hendrik Andries de Haan en De Boomsma ’s (Andele, Dirk) wie yn it neijier altyd wol wurk te finen. Garagebedriuwen as Cor Rotgans (haaddealer Commer en M. A. N.), Wopke, en letter syn soannen Hendrik en Willem Rinsma. (dealer Alfa Romeo en Scania) en Hillebrand (Hille) Nijland (dealer Pontiac en GM continental) hâlden de Berltsumers op ‘e dyk. De hearen Rotgans en Nijland wienen tegearre as garagehâlder yn BERLTSUM begûn en letter apart. Nijland is noch wer letter yn 1956 nei Ljouwert ferhûze nei it nije, mei boppewenten troch him stifte grutte garagebedriuw oan it Europaplein. (as Mercedes dealer). It pân oan de Bitgumerdyk húsnûmer 21 is letter de trekkergaraazje (Massey Ferguson) wurden fan de fan it Bilt (Âlde-Biltsyl), oan Hille Nijland besibbe, ôfkomstige bruorren Siderius. Famylje fan harren binne earder boer west yn WIER, t. w. in Broer Pieter ’s Siderius yn 1874 op (neist) ”Lauta State” en in Evert Pieters Siderius yn 1874 op “Easterwal” oan de feart. Andele Willem ’s Boomsma hie in trekkergaraazje c. a. op de hoeke Hôfsleane/Mulseleane, húsnûmer 81 wêr ’t earder busûndernimmer Hindrik Schat wenne hat. It bedriuw is no fêstige oan de Bitgumerdyk húsnûmer 17. Dan wie der noch it benzinestasjon fan de eardere Wierster/ Berltsumer busûndernimmer op û. o. Frjentsjer en Ljouwert, Hendrik Klazes Schat, letter sûnt 1930 wenjende op no Hôfsleane húsnûmer 81 en noch wer letter oan de Bitgumerdyk op húsnûmer 10. Hy hat de ûndernimming letter oerdroegen oan busûndernimmer H. J. Tolman yn Ljouwert. (L. A. B. O.) In yn 1926 bekende doe lúkse autobus mei de namme “Expres” wêryn 20 - 23 persoanen koenen wie de grutskens fan Hendrik Klazes Schat. De notaris, (lykas in Geijtenbeek, Alma, de Boer, van Hulst, H. A. Nammensma, (st. yn 1960), Dirk B. Posthumus (st. yn 2012), Mr. Tjeerd. J. Koelmans), oant 1948 de doarwaarder Gosse Heeringa, earder notarisklerk te Mitselwier, yn 1904 noch beneamd as doarwaarder by it Berltsumer Kantongerjocht. (want earder wie der de kantonrjochter Johan Klasing Schonegevel en letter noch Mr. J. H. Dull dy ‘t sitting hâlden op de boppeseal fan “Hof van Holland”.) Mr. J. H. Dull wenne, as ik it goed ha, yn it hûs wêr ’t letter K. J. van den Akker yn wenne en noch wer folle letter Sake Frânzes Faber, de fytsmakker, ek yn wenne hat, by it Berltsumer hûntsje. Pieter Ane ’s Visser hie in boekhâld- en administraasjekantoar. Pier Bakker (foarhinne û. o. boer west) wie in pension begûn oan de Wiersterdyk húsûmer 7 yn de âlde Grifformearde tsjerke anneks pastorije yn 1969 mei de namme “Welgelegen”. Hja wienen hjir allegearre net wei te tinken. Sels wienen hjir in belesting- en ûntfangkantoar, in post- en in tillegraafkantoor (P. T. T.) en twa banken. Trije legere (basis) skoallen, 2 beukerskoallen, in lânbouhúshâldskoalle en in túnbouskoalle, no (noch) in bibleteek oan de Hôfsleane, (straks nei 31- 5-2010 de “Lytse Biib” neamd yn de basisskoalle “De Fûgelsang”) en sa kin ik noch wol trochgean, te folle om op te neamen. It doarp wie hielendal “selfsupporting”, of wol op syn Frysk sein: selsfoarsjinjend. Nei in grutte delgong is it doarp lokkich wer opbloeid. BERLTSUM hat der hiel wat nije bidriuwen by krigen de lêste tiid. (Mear noch as foarhinne!) Neist de túnbou is de sektor metaal hjir sa wat de twadde grutte wurkjouwer wurden. It útstjoerburo AB - Service Fryslân yn foarhinne it Griene Krúsgebou oan de Hôfsleane en it bedriuw fan Hendrikus Folkert (Rikus) Sinnema yn foarhinne it Wetterskipsgebou oer de brêge by de Ljouwerterfeart soargje foar in protte wurkgelegenheid. It doarp BERLTSUM is lykwols, hoewol no hast trijekear sa grut yn oerflakte, net yn ynwennertal tanommen. (Noch likefolle as 60 jier ferlyn!) In protte wurknimmers komme no ek wer fan bûten it doarp. Moat wentebou op de “de Pôlle” en ynwreiding hjir no útkomst jaan? Wy sille it sjen, mar hâlde as doarpsmienskip de moed der yn!
Foarhinne it wetterskipsgebou
(Foar foto ’s sjoch it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP.)
Fuotnoaten:
(* Sulversmid Rinze Jans Spaanstra, berne op 26-3-1788 te Drachten wie troud mei Yfke Zijlstra (hja (de sibbe) wennen hjir foar 1880 oant 1909) Hjirnei wenne hjir yn dit hûs Rinze Wagenveld as winkelman en manufakturier fan 1909 oant 1922 en sûnt 1922 Abraham Alberts Walsweer as kleanmakker. Dizze sulversmid Spaanstra hat hiel wat sulveren dingen produsearre. Onijdus Gerrits Sijtsma, wenjende yn de Vermaningstrjitte, hat koartlyn noch in moai sulveren knottekistke fan him op de kop tikke.
(** L. C. 13-9-1951 Utrecht Jaarbeursstad. Nederlandsche landbouwmachines veroveren Jaarbeurs, boer en export. ....... ........ Er zijn naast de grote ook minder grote firma’s aanwezig w. o. van Manen, BERLIKUM, ....... ........
L. C. 27 -3-1863.
GEZUSTERS A & W SPAANSTRA maken door dezen aan het geëerde Publiek bekend, dat zij de affaire van goud- en zilverwerken hebben overgenomen en voor eigen rekening blijven doorzetten, ruimschoots voorzien zijnde van alle artikelen, die tot het vak behooren. Tevens zullen alle reparatiën op de spoedigste en civile wijze worden afgeleverd en zullen zij trachten, ook door eene prompte bediening, zich de gunst waardig te maken, waartoe zij zich minzaam aanbevelen. ( Yn 1857 opfolge troch de goud- en sulversmid K. Koolstra.)
BERLIKUM, 27 Maart 1863.
L. C. 25-10-2003.
BERLIKUMER BEDRIJVEN SAMEN METAALMARKT OP.
BERLIKUM. - Twee Berlikumer metaalbedrijven hebben samen een nieuwe onderneming opgericht. TRI METAAL moet klanten trekken die nu over het net vliegen bij de initiatiefnemers Klaas Zijlstra Metaalverwerking en Edelstaalverwerking BERLIKUM (E. S. V.) van Gerrit Kuiken. Tri Metaal richt zich op service– en montagewerk in de voedingsmiddelenindustrie. Het eerste project is al binnen: een grote bakkerijoven. Tri Metaal gaat van start met 5 werknemers, een aantal dat over een jaar verdubbeld moet zijn. Zijlstra (17 mensen) is gespecialiseerd in machinebouw voor de zwaardere industriële industrie en E. S. V. (21 mensen) houdt zich bezig met machines van roestvrijstaal, lasersnijden en verspanende activiteiten. “We vullen elkaar goed aan, aldus Zijlstra. Tri Metaal wordt gevestigd in een pand dat staat tussen beide moederbedrijven.
(Klaas Zijlstra begûn yn 1990 beskieden foar himsels yn in romte fan 70 m2. Fiifentweintich jier letter omfiemje de ferskate bedriuwshallen fan Klaas Zijlstra Metaalbewurking oan de Ôfslach 11 yn BERLTSUM in totale oerflakte fan mar leafst 6000 m2 en de oarderportefeuille is lykwichtich fold. Klaas Zijlstra is in middelmjittige spieler yn ‘e wrâld fan de metaal en in typysk allrounder en sterk fertsjintwurdige yn de transporttechniken en systemen, mar pakt ek eltse oare klus oan. Hjir rinne no sa’n 25 faklju rûn.)
L. C. 12-11-1906.
Ondergeteekende wed. T.(iede) van der Meulen, logementhoudster te BERLIKUM, dankt hier, mede het reizend publiek en inwoners van BERLIKUM voor de gunst sedert jaren zoo ruimschoots genoten en beveelt haar opvolger ten zeerste aan.
BERLIKUM, 12 November 1906.
Wed. T. van der Meulen.
N. a. v. bovenstaande advertentie beveelt ondergeteekende zich beleeft aan bij H. H. notarissen, het reizend publiek en inwoners van BERLIKUM en omgeving. Hij hoopt door eene nette bediening het vertrouwen, door zijn voorgangster zoo ruimschoots genoten, waard te zijn.
BERLIKUM, 12 November 1906.
J.(ohannes (E.) Folkertsma.
L. C. 22-4-1907.
L. C. 10-6-1967.
STUKJE PARADIJS HERWONNEN AAN BOORD VAN BOTTER “Mathildan”.
Op de Noordzee een Kalverstraat voor schepen.
Dit fascinerende beeld hebben wij onlangs voor ogen geleverd gekregen, toen wij werden uitgenodigd voor een tocht van enkele dagen op de Wadden en de Noordzee aan boord van de “Mathildan”, een botter van bijna 20 meter lang en 5.40 meter breed van de gebroeders Evert, Piet en Jarich Siderius. Evert is landbouwer aan de Nieuwe Bildtdijk onder Oudebildtzijl. Piet en Jarich hebben in BERLIKUM een bedrijf, dat gespecialiseerd is in tractors, machines en de reparatie daarvan. Het schip is van oorsprong een loodsboot geweest en diende tevens als betonningsvaartuig. De “Mathildan”, die in 1916 van de werf kwam is in elk opzichten een stevig schip. Het is oerdegelijk gebouwd ......... ........ Een echte mannenboot zeggen de vrouwen van de eigenaars. Luxe is er niet aan boord. Jarich, Piet en Evert geven er dan ook niet om, dat de opvarenden op schoenen, laarzen of klompen lopen ........ ........ Kortom het is een ruig leven schip met eenvoudige, ruwe stromatrassen en de kooien ........ ........ Op de dag van vertrek, tegen 5 uur, kwamen alle opvarenden in de thuishaven Harlingen aan boord ........... ........ Evert bleek de kapitein te zijn, die .......... ......... enkele van de gasten. Dat waren de heer H. A. Bicker Caarten uit Wassenaar, een gepensioneerd functionaris van de Unilever, die zelf een jacht in Rotterdam heeft liggen en derhalve wel weet wat varen is. Hetzelfde geldt voor de heer Wortelboer uit Haren, die in de textielbranche zit, doch ter afwisseling graag het ruime sop kiest. We hebben hem een hele nacht aan het roer zien staan ..... ...... De heer Ir. C. van der Burgt uit Leeuwarden, die gebogen over zeekaarten ......... ........ Verder was de heer Durk Kooi uit Vrouwbuurstermolen, firmant van het aardappel– en bloembollenselectiebedrijf, waar de bazen het personeel, als ze lang in dienst zijn, een auto cadeau geven. Ook hij bleek ........ ....... De koers gaat naat de ET route. De “Mathildan” danst op de golven etc. ......... ..........
De gemiddelde landrot – en hiertoe kunnen de meeste Nederlanders wel worden gerekend, hoewel we een zeevarende natie zijn – weet eigenlijk maar weinig van de zee. We bezien meestal de randen er van aan onze kusten en zien dan de zee begrensd door de horizon, waarlangs enkele schepen bewegen. Wie van een duintop af, op Vlieland, Terschelling, Ameland of Schiermonnikoog, om maar dicht bij huis te blijven, de Noordzee op blikt, liefst gewapend met een kijker, ziet een stuk of vier, soms acht en een enkele keer een dozijn schepen tegeijkertijd in de verte. De indruk is dan: wat een schepen, en met “wat” bedoelen we in dat geval veel. De werkelijkheid is echter anders; er bevindt zich, zo ’n 10 kilometer uit de kust voor onze Wadden eilanden een soort Kalverstraat voor schepen. Dat is de ET–route, waarbij ET betekent Elbe – Texel. Deze zeeroute is bijzonder druk. Wie er een kijkje gaat nemen, ziet er tijdens een dag of nacht geen tientallen maar honderden schepen. Door een breedte van een mijl of drie varen er eens zoveel naast elkaar en achter elkaar, dat het soms onmogelijk is daar door dit “schild” heen te kijken. .......... Drie dagen later:
We moeten terug samen met Bicker Caarten en Wortelboer. Vaarwel “Mathildan” en Sideriussen en verder opvarenden. Plichten roepen ons helaas. Het stukje paradijs, dat we hadden herwonnen, hebben we weer moeten afstaan.
Sjoch it wiidweidich ferslach: KRANT VAN TOEN – artikel detail. De Noardsee is mei sa ’n 260.000 skipsbewegingen ien fan de drokst befarre seerûtes yn ‘e wrâld.
No is it bedriuw Siderius Heftrucks B. V. / Siderius Kranen B. V. oan de Bitgumerdyk húsnûmer 21, sûnt 2009 oernommen troch Erik Gorrits Jansen út Sint Anne (Erik en Ida) dy ’t hjir no oan de Kleasterdyk húsnûmer 15 wennet. Hy hat ek in bedriuw yn Grins mei de namme: Bultena Verreiker Verhuur.
Yn 1962 brochten de bruorren Evert en Pieter Siderius, respektivelik wenjende te Âlde Biltsyl en BERLTSUM, mei harren vlet “Anna Hilde” wol waadrinners nei it eilânsje Gryn. Alle eilannen en platen binne wolris berûn, behalve Flylân en Texel, dy’t net te berinnen binne fanwegen de tige grutte djipten dy’t pasearre wurde moatte.
WETTERPOMPEN / REINWETTERSBAKKEN. (welputten, saaden)
Foardat de wetterleiding hjir yn BERLTSUM kaam hie elts hûs hast wol, al as net mienskiplik, in reinwettersbak of in pomp efterhûs stean. Yn droege simmers waard de grutte tsjerke wetterbak fakentiden oansprutsen. Op oare plakken wie dat de mienskiplike doarpspomp. Om it wetter dan út de sleatten te brûken naam altyd in grut risiko mei. (tyfus, goalera) De wetterbak waard wol sa no en dan skjinmakke, mar it gefaar fan d’ ien of oare besmetting bliuw oanwêzich fansels. It heucht my noch dat der ek houten pompen wienen dy ’t fan grenen of ikenhout makke wienen. De pompmakkers holden dan in rjochte grenen of ikenhouten stam út. Hja makken a. h. w. sa in lange houten buis. De allyksa houten sûger wie dan mei leer omklaaid en oan de hângreep befêstige. Net allinne de oanfier mar ek de ôffier fan wetter koe sa regele wurde. Lei sa ’n buis horizontaal ûnder in wei of dyk troch om de oan en ôffier fan it wetter te regeljen dan waard ek wol fan in pomp (yn dit gefal sûnder kleppen of skowen) of dûker sprutsen. It heucht my noch dat in pompmakker, ûnder it reparearjen fan sa ’n houten wetterpomp by húsnûmer 5 yn de Buorren, bewenne troch de famylje Hendrik Gerben ’s Siegersma, net goed waard en dêr tige hommels ferstoarn is. Dat wie myn twadde ûnderfining mei de dea. De earste kear wie by it oeriden fan Tjerk Gerlof ’s Tuinenga troch in mei modder beladen efterútridende frachtwein by de Berltsumer feiling by de bou fan de brêge oer de Ljouwerterfeart yn 1952.
L. C. 29-10-1974.
(foto: Albert van der Ploeg (berne op 17- 6-1897) en syn frou Anne Hoekstra efter de toanbank.)
L. C. 14-6-1958.
Dokter Kwast legde eerste steen wijkgebouw BERLIKUM.
.......... Dr. Kwast vertelde dat er in een der zijgevels een SIERSTEEN met een zonnebloem zal worden geplaatst. Zulks als symbool van de zon, die het Groene Kruis met zijn taakuitvoering wil verspreiden over jong en oud. Deze worden gesymboliseerd door ter weerszijden van de zonnebloem geplaatste figuren: een bloem in de knop en een verwelkte bloem. De gemeente en de provincie verleenden een bijdrage, het oude wijkgebouw (oan it Skil, letter de Friesland Bank) is verkocht, de vereniging voerde acties met de verkoop van snert en de rest moest van de leden komen. De vereniging plaatste aandelen en de contributie moest bijna verdubbeld worden. De eigenaar van de grond stond deze af voor de prijs die hij er zelf jaren voor de oorlog voor betaalde. ........
(foto: dr. J. J. Kwast. Jr.)
L. C. 15-10-2007.
(4 foto’s: Jan Thijsse ’s Post en Johan Runia en in protte oaren.)
Karossery bedriuw Rondaan. (mei it logo RAF op de efterkant fan de frachtweinen.)
Luide klappen op metaal klinken als een welkom in de hal.
Montage van hydrauliek op een vrachtwagen bij carrosseriebedrijf Rondaan in Berlikum. Een klus voor Jan Post (rechts) en Johan Runia
Gerrit Zuidema zet een carrosserieconstructie kaarsrecht.
Niels Wijngaarden last aan een aanhanger de wielkasten.
L. C. 27-2-2009.
METAALBEDRIJF onverwacht kansrijker.
(Foto: Klaas Zijlstra Metaalbewerking.)
L. C. 6-7-2007.
(De foto is nommen op it Hemmemaplein.)
L. C. 23-8-1983.
(foto: “Pensjon Welgelegen” oan de Wiersterdyk húsnûmer 17.)
L. C. 14-9-2002.
Uniek pension voor alleenstaande mannen in BERLIKUM voorziet in een behoefte.
L. C. 8-11-2003.
Intervieuw.
Menig Friese transporteur rijdt met zijn trucs. Garagehouder Hendrik Rinsma (83) uit BERLIKUM is een autoriteit in de wereld van de vrachtwagen. Kleurrijk, en opgeruimd van aard. Kom niet bij hem aan met gladde praatjes, daar rekent hij bruut mee af. Nog bijna dagelijks duikt hij tot over zijn oren in een ontmanteld motorblok. Al was het maar om die zwarte dag uit zijn leven te vergeten.
Door Peter Grondsma.
Hendrik Rinsma
De geur van motorolie is als wierook. Uitlaatgassen? Heerlijk. Met dopsleutel in zijn handen voelt Hendrik Rinsma zich pas echt gelukkig. In een overall met een leren riem om de middel en een oude pet op zijn hoofd, staat hij op de werkvloer. “Yn in pak klean fiel ik my no ienris ûnwennich”. Hard werken is genieten. En hij voelt zich immers nog fit. Al onderging Rinsma zelf al menig grote onderhouds beurt. Tien jaar geleden kreeg prostaatkanker hem er al bijna onder. Hij werd 38 keer bestraald. “Alder ferskriklikst”. Het voelt net of ze iets in je lichaam verbranden. “Weet u hoe het er daarbinnen uitziet, meneer Rinsma”? Vroeg de radioloog in Leeuwarden. Hij knikte. “Hiroshima” Toch kwam hij het geweld te boven. En ook nadat hij vorig jaar werd gedotterd, leefde Rinsma weer op. “Ik bin noch sa bêst as wit ik net hoe”. Sinds zijn pensionering woont hij in een bungalow achter op het bedrijfsterrein. (Koekoeksleane 1) “Dat hat net sa goochem fan my west. Want no sjoch ik alles wat der op de saak bart. As it my net nei it sin giet, dan ergerje ik my”. Aan de andere kant, zo geeft hij even later met glimmende oogjes toe, wil hij ook niets liever. Alles zien, alles meemaken. Onder het werk rolt menige kracht term over zijn lippen. De garagehouder drukt zich niet altijd even fijnbesnaard uit. Maar onvriendelijk klinkt het nooit. “Ik wit it, ik bin rjocht foar de raap. It is swart of wyt, ien fan beiden. Dêr tusken is neat. Griis akseptear ik net” In 1933, Hendrik was een jochie van dertien, mocht hij met zijn vader mee naar Den Haag om een nieuwe vrachtwagen te kopen. Een Diamond-T, rechtstreeks uit de fabriek in Chicago. Het was een auto met hydraulische remmen en een volwaardige cabine. “De earste echte auto. Heit wie der sa grutsk op, in bern gelyk.
Tot dan toe moest senior eigenlijk niets van automobielen hebben. Wopke Rinsma was van huis uit paardenknecht. Omstreeks 1917 kreeg hij een melkrit bij de N. V. Lijempf in BERLIKUM. Met paard en wagen haalde hij in de omgeving de melkbussen op. Tot de zuivelfabriek hem verplichtte over te stappen op de vrachtauto. De oude T-Fordjes waarmee hij begon, lieten het geregeld afweten. Dan stonden de chauffeurs zich het apezuur te slingeren aan de kruk. Tot heit er uiteindelijk een paard voor zette om het secreet naar huis te slepen. “Dan hie hy de measte wille. Dat fûn hy prachtich”.
(Foto: Garage van de Lijempf yn Berltsum )
Hendrik vereerde zijn vader ook al was die hard voor zijn huishouding. “Wreed mar rjochtfeardich. In oester fan in man, 220 pûn swier en oersterk”. Hendrik was nog maar 14 toen hij al zijn eerste bekeuring kreeg omdat hij zonder rijbewijs op de vrachtauto reed. Hoewel hij de bussen amper kon tillen, liet zijn heit hem al melkritten rijden. “De oarloch kaam ûnferwacht. Wy hiene nergerns erch yn. Ûnnoazel? Ja. Mar it libben bestie út wurk, wurk en nochris wurk. Sân dagen wyks. Frij wie ik noait. Noait.” In de bezettingsjaren reden de vrachtwagens op hout generatoren. “Hege tsjettels fan it merk Imbert. It wurke perfekt. Ja toch”. Twee keer ontkwam Hendrik ternauwernood aan een luchtaanval. In Oudesluis, waar de vrachtrijder op het station een lading tulpebollen afhaalde, doken acht Amerikaanse Thunderbirds op een trein. Hij hoort nog het huilend geluid van de aanstormende vliegtuigen: oeoeoeoeoehhhhhh”! Gevolgd door een inferno van vuur. Rijdend tussen Tzum en Franeker zag hij een keer een jager laag over de weilanden op zijn vrachtwagen afkomen. Rinsma keek recht in de propeller, hij zag de piloot zitten in z’ n cabine. “Ik bin mei de auto dwers troch in hage yn ‘e sleat riden.” Het jachtvliegtuig trok open zocht een nieuw doel in de verte. Kort na de oorlog trouwde Hendrik Rinsma zijn jeugdliefde, Joukje de Vries uit Beetgum. Ze trokken in zijn ouderlijke woning. “It âld stjelpke”, naast het transportbedrijf in BERLIKUM. Samen met zijn broer Willem (dy ’t troud wie mei de Menniste dûmny Rinsma - Schipper wenjende yn Deinum dy ’t ek wol in protte yn BERLTSUM waarnaam) nam hij de firma over van heit. Een dramatische gebeurtenis was de aanleiding: zijn moeder had zelfmoord gepleegd. Dat kwam overigens niet als een verassing. “Mem hat it altyd dreech hân. Se koe it libben net mear oan. Sy wie hiel swiertillend. It siet by har yn de famylje. Dêr wie neat oan te dwaan. De gebroeders Rinsma hadden in korte tijd 15 vrachtwagens op de weg. Willem zat op kantoor. Hendrik was meer practisch ingesteld. Eeltige handen aan het stuur. Hij bracht tankwagens vol Friese melk naar de Randstad. “Altyd ûnderweis. Machtich. It wie krekt wylde kustfeart”. Fusies in de zuivel gooiden roet in het eten. De melkfabriek in BERLIKUM werd opgeslokt. Tussen de grote C. C. F. in Leeuwarden en de Rinsma ’s klikte het niet. Ze werden afgedankt. De broers legden zich toe op reparatie en verkoop van vrachtwagens. In het begin lagen de muizen dood voor de kast, maar toen ze het dealerschap verwierven van Scania, ging het crescendo. Hendrik Rinsma kent de grote Friese transportondernemers allemaal persoonlijk. Althuisius (*, Gosliga, Holwerda, Oegema, Tilkema, het zijn vrienden geworden. Ouwe jongens, krentebrood. Ze verstaan elkaar, begrijpen elkaars problemen. Als één van hen aan de telefoon hing, was Rinsma altijd kort door de bocht: “Wat hast te eameljen”? Trouw is heel belangrijk, vindt de garagehouder. “As jo goed behannele wurde, gean ik noait nei in oar. Dat ferwachtsje ik ek fan myn eigen klanten”. Begin jaren zeventig, zijn broer Willem was inmiddels met pensioen, ging Rinsma naast vrachtwagens ook personenauto ’s verkopen. Een vertegenwoordiger wist hem (yn 1971) te strikken voor het dealerschap van Alfa Romeo. Tegen wil en dank. “Ik sei; gatferdarre, kearel. Dêr ha ik hielendal gjin nocht oan”. Rinsma is niet echt een goede autoverkoper. “Dat kwêkjen en lullen is neat foar my”. (Hy ruile doe syn dealerskip fan Wolsley yn foar de Italiaan.) Maar naast het zware werk aan vrachtwagens had het toch wel wat. Onder de motorkap van de chique Italiaanse auto schuilt technisch vernuft om van te watertanden. “Dy motor. Dêr dream ik wolris fan. Alles is fan aluminium. Dat rint as in naaimasjyntsje en it lûkt sa hurd op, fantastysk. De carosserie was aanvankelijk een drama. Spliksplinter nieuwe auto’s stonden te roesten in de showroom. “Wat ha wy dêr in protte gebliksem mei hân. Laatst toen hij zijn dagelijks kopje koffie dronk in de showroom, was er weer zo ’n klant, die sjacherde over de prijs. Rinsma ontplofte. “Ik sei: dy auto kost safolle. Te djoer? Lit him dan mar stean. Dêrút, opsoademiterje”. Een vrije ondermemer laat niet met zich sollen. Zijn huidige bedrijfsleider is minder stug, stelt hij minzaam glimlachend vast. ”Dy kin better troch de bocht”. Directeur heeft hij zich nooit gevoeld. Het liefst stond Rinsma gewoon tussen zijn monteurs met olie en roet in zijn haar. Een groot litteken op zijn linker wang herrinnert aan een bedrijfsongeval. Een vrachtwagen band ontplofte in zijn gezicht. “It gie mâl. De stikken izer fleagen acht meter heech. Boven de smeerkuil staat een verpauperde Scania uit 1957. De oude baas is er niet bij weg te slaan. De motor reviseren, de carosserie stralen en spuiten, nieuwe klokken monteren in het dashboard. “Ik bliuw der by oant dizze oldtimer der wer gloednagelnij útsjocht. Zijn garagebedrijf heeft tegenwoordig 60 man in dienst. Hendrik Rinsma, zo zegt hij met onderkoelde trots, is nog steeds enig eigenaar. Hij beslist over grote investeringen en wordt nog geregeld geraadpleegd over praktische zaken. De dagelijkse leiding ligt echter in handen van zijn vertrouwelingen. Siemen Boersma, eerst bij het garagebedrijf begonnen als vertegenwoordiger, is directeur. De mannen gaan loyaal en vriendschappelijk met elkaar om. “Do hjir ek wer, âlde? Rinsma grijnst. “Pak op do”! Zakelijk succes zegt hem niet veel. Geld? “Och, ik bin tefreden. In mins kin mar ien kear sêd”. Alleen die pikzwarte dag in 1979 zou hij willen uitgommen. Rinske, één van zijn beide dochters, overleed volkomen onverwachts. Plotseling verloor het bestaan zijn glans. Rinske had het aardje naar haar vaartje. Vaak lagen ze samen te sleutelen onder een vrachtwagen. “Och, wat hie ik har graach hâlde wollen”. De dood overviel hem als een boze droom. Hendrik Rinsma leefde in een roes. Hij kon niet meer helder denken, kende de mensen in zijn omgeving niet meer bij de naam. Toen hij weer tot zijn positieven kwam, voelde hij de pijn pas in alle hevigheid. Het vreselijke besef: “Ik sjoch har noait wer”, dat grijpt hem nog dagelijks bij de keel. “Ik kin der noch altyd net goed oer prate.” Zijn vrouw komt sindsdien weinig meer onder de mensen. Ze wilde ook niet meer naar de feestelijke opening van de nieuwe garage in Drachten, een paar weken geleden. Gelukkig nam dochter Jantsje – it leafste minsk fan de wrald – haar plaats in. In een goeie ouwe Diamond-T, de antieke vrachtwagen (fan 1929/30 mei it kenteken B 4017) die hij nog steeds koestert, reden vader en dochter samen door het lint. “De triennen rûnen my by de wangen del”.
(Hendrik Rinsma wie betiden wat ”rûch yn ‘e mûle” mar hy hie in hert fan goud. Hy wie tige goed foar syn wurknimmers en sels foar harren widdo ‘s. As hy by de ferkeap fan in (twaddehâns) frachtwein sei: “Hjir mankearret neat oan” en as letter blyk dat der eat net doogde dan waard de auto op kosten fan de garaazje ynoarder makke. “As ik siz, dat ik jo in goede auto ferkeapje, dan sille jo ek in goede auto fan my krije”. Sa wie syn andert tsjin de Menamer molkerider Klaas Tjitte ’s Grijpma fan de Ljochtmisdyk en dat hat letter ek bliken dien.)
Wopke Rinsma, Hendrik syn heit, hat syn fuormannerij yn 1920 opheven. De 8 hynders, heaweinen, ierdkarren e. d. waarden doe allegearre ferkocht.
De N. V. Leijmpf skafte yn 1919 de eerste auto ’s oan. It wienen grutte swiere weinen op massieve rubber bannen. Dizze weinen wienen de skrik fan in protte gemeente bestjoeren, dy ’t diken en brêgen foar dizze frachtweinen slúten. Letter kamen de saneamde T-Fords.
De ûntwikkeling yn de frachtweinenbou is hurd gien. Foaral foar de sjauffeurs binne de feroarings grut. It komfort is sterk ferbettere. Yn de kabines fan 45 jier ferlyn foel net meiinoar te praten: troch it leven fan de motor koe men elkoar net ferstean. Mar ek it riden is folle komfortabeler. Jo fiele net mear eltse hobbel yn de dyk, tanksij de goede skokdimpers. En mei stjoerbekrêftiging ride jo folle nofliker. It wie foarhinne echt hurd wurkjen om in frachtauto te bestjoeren. Ek by it skeakeljen hienen jo folle mear krêft nedich. De hjoeddeiske generaasje frachtauto’s kinne ek folle langer mei. Hie in frachtauto dy’t ynternasjonaal ride, 400.000 kilometer op de teller, no kinne jo der fan útgean dat no yn elts gefal rom ien miljoen kilometer riden wurde kin. Der wurkje hjir no sa’n 50 minsken by garaazje Rinsma.
Sjoch ek de Ljouwerter krante fan 24- 4-2010. (édysje Noard.)
RESPECTVOL AFSCHEID VOOR RINSMA.
Hendrik Rinsma yn de âldens fan 89 jier ferstoarn.
Vijftig personeelsleden van garage Rinsma deden gistermiddag eigenaar Hendrik Rinsma respectvol uitgeleide. Zij vormden een erehaag op het bedrijfsterrein aan de Bitgumerdyk (26) in BERLTSUM. Rinsma overleed maandag op 89 jarige leeftijd.
Op GOOGLE: Diamanten historie. (Garaazje Rinsma BERLTSUM)
Allegearre foto ’s.
Fuotnoat:
(* In oare hjiroan tafoege histoarje: Watze Althuisius ( 5- 2-1925), de jongste soan fan Jan Althuisius en Wiepke Weerstra út Wjelsryp, kaam nei de Twadde Wrâldoarloch yn leantsjinst by Wopke Rinsma, molkrider te BERLTSUM, dy ’t destiids alle molke ferfier fersoarge foar de N. V. LEIJMPF. Watze Althuisius hie wol wat mei auto ‘s en woe, as de gelegenheid him foar die, wol graach in eigen ferfiersbedriuw begjinne. Wop Rinsma wie in omke fan Paulus Rinsma ek út Wjelsryp, oan wa ‘t syn heit Jan Althuisius syn frachtriderij (boadetsjinst) oerdien hie. It nauwe oparbeidzjen fan Althuisius mei de Rinsma sibbe soe letter noch fierder útwaakse doe ‘t de beide soannen fan Wopke Rinsma in garaazje bedriuw yn BERLTSUM oan de Bitgumerdyk opsetten. It jonge echtpear Watse en Geeske krigen flak nei de oarloch in hast ûnbewenne hûs op de Rolsma streek te BERLTSUM oanwezen. Syn plan om in eigen ferfiers saak te begjinnen bliuw. Dêryn is hy slagge op 12- 5-1947 troch mei syn broers Sybren en Broer in transportbedriuw op te setten yn Tzjummearum wat him tige útwreide hat ta in grut bedriuw. It begûn mei it molkeriden. Op 12 maaie fan elts jier waarden boere arbeiders oannommen en molkeritten opnij útbesteege. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: It bedriuw fâlt no sûnt 2001 ûnder de “Kooiker Groep Grou”, mei de namme “Althuisius Logistics”, fêstige oan de Finnen 3 te Grou. Nei de oername fan Kooiker wurdt alle wurk fan Kooiker Transport no útfierd ûnder de namme “Althuisius Logistics”. Mei 80 eigen lûkende ienheden wurdt it ferskate guod foar ferskate grutte en lytsere opdrachtjouwers ferfierd oer koartere en langere ôfstân. Harren suster Gepke Althuisius wie troud mei bakker Hette Gerrits Jellema fan BERLTSUM dy ‘t earst wenne op Buorren húsnûmer 31 en letter op Buorren húsnûmer 100. (hoeke Buorren/Vermaningstrjitte.)
L. C. 16-9-1853.
BIJ GESLOTEN BRIEFJES TE HUUR:
Eene zeer uitmuntende Zathe en Landen, in een kavel aan den rijdweg onder de dorpen BERLIKUM, St. Jac. Parochie en St. Anna Parochie gelegen, gr. 38 bunder 40 roede 95 el, waarvan de ½ greidland en de ½ bouwland, thans by Joh. Doede ’s Binnema cum uxore (Aaltje Folkerts Roeda) in gebruik.
(De pleats op de hoeke Wiersterdyk húsnûmer 10 / Kouweweg wêr ’t Doede Joh. Binnema no wennet)
De earste bewenner fan dizze pleats wie de soan fan Steven Huigen t. w. Willem Stevens, troud mei Amerins Gewijts. Sa giet û. o. yn 1711 de eigendom fan dizze pleats oer nei de erven fan in Otto Simonides. Yn 1810 wie der in gehiel nije skuorre boud. Om 1830 hinne wie in Sjoerd Jan Jongsma hierder fan de pleats, yn 1838 in Thomas Joha, yn 1850 Freerk van der Meulen en yn 1884 wenne hjir as hierder Jan Tjeerds Lettinga. Yn 1908 in Folkert Doedes Binnema. Dizze Binnema ‘s binne ôfkomstich fan Stiens e. o.. (De skuorre fan 1810 wie yn desimber 1914 by in stoarm alhiel ynwaaid.)
L. C. 14-5-1890.
Publ. Verkoop op 31- 5-1890 in de herberg van J. Terpstra te BERLIKUM van de vruchtbare Sate en Landen (sjoch út supra) in een aanééngesloten kavel, groot 36 bunder 23 roede (98 ¾ p) gelegen in de hoek van de Groenedijk en de Koudeweg. Op het Oude Bildt doch onmiddelijk bij BERLIKUM en WIER. Sommige percelen zijn voorzien van tichelklei. Verhuurd aan Jan Tjeerds Lettinga. De veiling geschied in 22 percelen. (eignaresse fan de pleats wie de widdo fan W. D. Wassenaar)
De beide hjir ut súpra neamde pleatsen, no bekend as Wiersterdyk húsnûmer 10, wurdt tsjintwurdich bewenne troch Jouke D. Binnema.
L. C. 30-5-2009.
Notaris BERLIKUM kan kantoor voortzetten.
BERLIKUM. - Met een speelruimte van nog geen 24 uur heeft notaris Mr. Tjeerd Koelmans uit BERLIKUM kunnen voorkomen, dat zijn kantoor (fêstige oan de Hemmemawei) per dinsdag wordt gesloten. Omdat hij onlangs 65 werd had hij op 1 juni volgens de wet moeten worden ontslagen. Zoals meer notarissen met een klein kantoor beschikte hij niet over een interne waarnemer, en zou een ingehuurde kracht te duur zijn. Door een wetswijziging die gisteren van kracht werd, kunnen Koelmans en zijn collega ’s nu tot hun zeventigste doorwerken. De wijziging met de verlenging van de leeftijd zat al sinds augustus in de pijplijn. Omdat naar verwachting de Eerste Kamer de wet pas eind dit jaar zou bekrachtigen, dreigden notarissen die tot die datum 65 jaar worden, toch nog hun kantoor te moeten opheffen. Koelmans vond dit onredelijk en spande een kort geding aan. Hierop zette de Senaat op eens grote vaart achter de wetsbehandeling. Door de publcatie gisteren in het Staats Blad werd de Berlikumer notaris gered door de bel.
N. B.
Op syn kantoar wurkje njoggen wurknimmers wêrûnder kandidaat-notarissen yn dieltiid. In plakferfangend kandidaat-notaris moat oan in tal easken foldwaan en tenminste 6 jier ûnderfining ha om waarnimme te kinnen. Notaris Koelmans is ek de parse-notaris fan de Ring Fryslân fan de K. N. B. (Keninklike Nederlanske Bûn fan notarissen)
L. C. 18-9-2009.
GELD SPEELT EEN TE GROTE ROL in het notariaat.
BERLIKUM. - Knoeiende en frauderende notarissen, ze zijn het gevolg van kortzichtigheid over marktwerking in het notariaat, meent notaris Tjeerd Koelmans in BERLIKUM. Werp een dubbeltje en men krijgt van hem een uur muziek. Zo vaak heeft hij gewaarschuwd voor de gevolgen van de nieuwe notariswet en ziedaar. En opnieuw: “Een schip op het strand is een baken in zee”.
Lofts foaroan notaris mr. Tjeerd J. Koelmans fan BERLTSUM.
L. C. 2-8-2005.
KRACHTTOER Friese Volvo –klassiekers.
Het wordt een krachttoer voor de oudjes, zo veel is zeker. De oude tot hoogbejaarde Volvo’s krijgen het zwaar te verduren op de Route 66. Maar de drie Friese équipes staan te popelen om morgen af te reizen naar New York waar hun klassiekers inmiddels bewaakt staan te wachten. BERLIKUM – De rode Volvo 544 beter bekend als de katterug kan hij nu niet laten zien. Notaris Tjerk (Tjeerd) Koelmans uit BERLIKUM heeft inmiddels de gemailde fotos uit Newark waar zijn 44 jaar oude automobiel -“sportversie met dubbele carburateur”- veilig is aangekomen, met de boot over de oceaan gezet, samen met de ruim negentig andere wagens van de leden van club 44. Deze actieve vereniging van Volvo-liefhebbers organiseerde al vele en imposante reizen in en buiten Europa. De Noordkaap werd gehaald, vorig jaar stonden Koelmans en anderen met hun bejaarde beestjes in Marokko. Dus moet het er eens een keer van komen: een toer door de Verenigde Staten. Tjerk (Tjeerd) en Ingrid Koelmans trekken er 17 dagen de circa 10.000 km lange Route 66 langs van New York aan de Oostkust tot Los Angeles aan de Westkust ...... ..........
(Foto: de Volvo 544 út 1961 fan mr. Tjeerd J. Koelmans.)