BEROPPEN EN BAANTSJES FAN BERLTSUMER FOARÂLDEN.

(1750 - 1800)

Yn 1752 wie Hendrik van Theeken, troud mei Trijntje Renici, út BERLTSUM, de gemeente siktaris fan MENAMERADIEL. Hy keapet yn 1770 Toutenburg û./d. Ryptsjerk. Hy is opfolge troch siktaris dr. J. Mebius fan Marsum. (Dr. Tadeus Renici van Theeken, doopt as Teade te Ljouwert op 13-10-1737 en stoarn te Haren op 24- 9-1812, de lettere Proc. Fiscaal fan MENAMERADIEL, op 7 -12-1760 te Ryptsjerk troud mei Antje Pyters Posthumus fan BERLTSUM, is syn soan.) Der wie ek noch in Bavius Renici van Theeken (om 1756 hinne wenjende op Dyksterhúzen ûnder Bitgum) en in S. R.(eninci?) van Theeken (om 1761 hinne). Mr. Joost Hofman, wie de sirurgyn. Romke Pieter ’s Roepsma wie arbeider en syn soan Rein Romkes Roepsma (Raepsma) wie hjir letter kastleinsfeint. Georgius Duco Lemke wie boer. Jacobus Cant wenne hjir as Hearskip. Tjeerd Pieter ’s Peterzon wie skipper en syn broer Johannes Pieter ‘s Peterzon wie glêzemakker/ferver. Heerke Dirk ’s Tilstra wie ek skipper. Salvus Klazes de Jong, skuonmakker. Pieter Keimpe ’s Reitsma, wever. Wybe Heere ’s van Dokkenburg, boerenfeint.

Yn 1640 wie in Cornelis Goris, yn 1657 te Frjentsjer troud mei de fan Dronryp ôfkomstige Imck Jochums, hierder fan ‘e tsjerkepleats, yn 1698 in widdo fan Joeke Pytters, yn 1700 in Schelte Jarichs, yn 1708 in Dirk Baukes. Yn 1757 wie in Johannes Dirks (Kuik?) en yn 1761 in Willem Jentjes boer/hierder fan de tsjerkepleats, Anskereed húsnûmer 2 (dit is de pleats “Longerhou” of ek wol “La(e)tsma” neamd). Yn 1759 wie dit in Wytse Minnes. Noch wer letter, yn 1768, in Kornelis Ruurds en dêrnei, om 1838 hinne, in Ynte Ruurd Aukes van Donia, troud mei de Berltsumer Doopsgesinde dûmnysdochter Dirkje Jan Pieters Boonstra. Arjen Jarig ’s Bilker (* wie grutskipper. Jetze Folkerts, mr. wolkjimmer. De Comijs Vitringa (om 1788 hinne) wie troud mei Johanna Wilhelmina Visser. Dirk Heerke ’s Tilstra, hôfker. Klaas Hemkes, bakker. Hylcke Fôkes (Fokkes) Kuperus wie koperslagger en kúpmakker. Bartele Wybrens wie, oan syn fersjerren yn 1760 ta, oerwurkmakker. Lolke en Willem Meindert ’s (Boomsma) wienen beamkwekers en hienen in interije û. o. op de (Luitenants) Camp. Rein Willem ’s Spoelhof, berne om 1725 hinne en boaske mei Lysbet Freerks wie hôfker en túnker en út syn neiteam wienen Rein en Willem Spoelhof ek wer hôfker en gernier. Letter binne der Spoelhof ‘s û. o. nei St. Anne, Tsjummearum etc. gien te wenjen.

(* Fuotnoat:

Grutskipper Arjen Jarigs Bilker, doe wenjende te BERLTSUM wie op 6-6-1706 doopt te Froubuorren as de soan fan Jarig Dircks, de mem net bekend, en is hjir op 12-5-1783 stoarn, 76 jier âld. Hy wie skipper op it skip mei de namme “Ytske Beilanus” en wenne letter yn BERLTSUM. Yn 1811 neamt de sibbe de famyljenamme van der Zee oan. De namme Bilker is nei alle gedachten ôfkomstich út de wrâld fan de mûnders. In ‘bilker’ is immen dy’t de molestiennen, wêrop it nôt fyn mealt wurdt, oanskerpet. Yn dit gefal nei alle gedachten omdat Arjen op it Bilt berne is. Hy is trijeris troud west.

De namme IDSKE komt foar yn de Beilanus sibbe en de namme fan it skip wêrop’t hy farre, de “Ytske Beilanus”, soe oan boppeneamde namme ûntliend wêze kinne. Ytske Beylanus (1688-1766) wie troud mei Willem de Wendt (1672-1733). In sibbe dy’t ryk wurden is troch de hannel en skipfeart. Fan wa’t hja ien is wit ik net. Wol wit ik wat der oer ien fan harren sibbeleden skreaun wurdt n. l. “Grootmamma”. Grootmamma hie yn de sibbe Fockens en ek yn de korrespondinsje in grutte namme. Hja wie dúdlik leave. En hja besiet it grutste ynfloedrykste netwurk oan sibbeleden en bekenden. Harren namme foel yn de brieven pas op by harren ferstjerren yn 1768. “Grootmamma” BEILANUS. Ûnder dy namme waard hja ek yn Grins begroeven op 20 febrewaris 1768. Inkelde jierren nei har koarte houlik mei Jacob van Oelst wie Aurelia Swartte yn 1715 nammentlik opnij troud mei Justus Johannes BEILANUS. Hja sil him kennen leard hawwe yn Amsterdam, want ek hy hannele yn civet en ferbliuw kleardernôch regelmjittich yn Amsterdam en mooglik wenne hy dêr ek. Hy wie sûnt 1709 widner. Hy stamde út in Ljouwerter sibbe fan reginten en militêren. It haad fan de militysje fan Batavia om, 1760 hinne, brigadier Beijlanus de Wendt wie bygelyks ek famylje. Justus Johannes Beilanus wie sûnt 1700 lid fan de Froedskip fan Ljouwert as opfolger fan syn heit. Dy funksje behâlde hy doe’t hy him nei it houlik mei Aurelia Swarte yn Amsterdam fêstige. Om 1720 hinne wie Beilanus kleardernôch twongen syn civetkatten te ferkeapjen. Dêrnei is hy werom gien nei Ljouwert. Beilanus waard op 9-5-1727 begroeven yn de Jacobinertsjerke fan Ljouwert. Sawol by syn houlik mei Aurelia Swarte as by syn begraffenis waard notearre dat hy froedskip wie, “vroedsman”. Hy hie nei alle gedachten gjin bern by Aurelia.

Gerard BEIJLANUS de Wendt, berne op 12-4-1712, grutmajoar, garnizoen fan Batavia (1743) haad fan de milysje (1757), kolonel (1758), brigadier (1760, heemried fan de Ommelannen fan Batavia, repatriearre yn 1764 werom en is op 6-10-1788 te Dronryp ferstoarn. Hy wie yn 1744 troud mei Johanna Wilhelmina Muntz. Nei har ferstjerren troude hy op 14-6-1767 opnij mei LUCIA AURELIA SCHICK, doopt te Dronryp op 21-6-1722 as dochter fan CASPARIS SCHIK en Lucia Johannesdr. Rodenhuis en is te Dronryp ferstoarn op 9-6-1787. (sjoch yn dit e-book by LAUTENBACH / SCHICK) In broer fan Gerard t. w. Eise (Eyso) de Wendt, berne te Kollum op 24-2-1718 en dêr ek doopt op 27-2-1718, Direkteur fan de hannel op Sina, Grytman fan West-Dongeradiel is net-troud te Ljouwert stoarn op 1-3-1780 en waard byset yn de oankochte grêfkelder yn de Sint Maartenstsjerke fan Kollum. Dizze persoan wie ek tige bekend yn Fryslân. Nei in suksesfolle karriêre kearre hy as in tige fortunearre man by de V. O. C. werom en liet hy yn Kollum de bûtenpleats “Oostenbrug” bouwe. De hjirboppe neamde sibben binne dus tige ryk wurden troch de skipfeart en hannel. Grutskipper Arjen Jarigs Bilker sil nei alle gedachten fêst op ien fan harren skippen as grutskipper farre hawwe.

GRIENMANK

Foaral foar 1750 is net folle fan Berltsumers bekend. Mar fan inkelden. Sa is de sirurgyn Jacob Gerrits fan BERLTSUM op 23-4-1671 nei Stiens ta ferhúze. Ek in Berltsumer weinmakker t. w. Jacob Dircks is op 1-5-1698 nei Stiens ta ferhúze. Rienck Pytters, boer út it BERLTSUMER KLEASTER ANJUM is op 4-8-1679 foar it gerjocht fan Menameradiel troud (mei ien fan myn foarbeppes) Antie Hoites fan BERLTSUM. Sicke Feyckes, bakker te BERLTSUM, is op 4-8-1679 foar it gerjocht fan Menameradiel troud mei Romck Reyns fan Marrum ôfkomstich. Gerrolt Nannes fan BERLTSUM is yn 1685 te Bitgum troud mei de fan Bitgum ôfkomstige Hendrikje Hanses. Cornelis Thijssen fan BERLTSUM troude yn 1648 mei in sekere Lolck. Hy is skuonmak- ker en hja is de widdo fan Claas Jansen “by de Mole” (DTB fan Bitgum). Age Ages fan BERLTSUM troude yn 1659 mei Yd Pieters fan Bitgum ôfkomstich. Klaas Jans, “mr. kuiper”, berne te BERLTSUM yn 1653, troude foar it gerjocht fan Menameradiel op 30-3-1675 mei Aaltje Jans. Yn 1621 is op de twadde Pinksterdei te BERLTSUM doopt Abraham de soan fan?? De heit is skoalmaster. (DTB Hallum) Gentius Wybrandi, troud mei Wytske Pieters, krije op 25-12-1764 in soan, berne te BERLTSUM en op 12-12-1766 nochris in soan berne te BERLTSUM. Sjoerd (Sioerd) Pieters fan Dokkum, boarger en ‘gemeensman’, giet op 11-7-1629 foar it gerjocht fan Dokkum yn ûndertrou mei Maycke Gerbens fan BERLTSUM. Hja is de widdo fan Hessel Foppes. Debe Wijnholts, berne te BERLTSUM, soldaat ûnder hopman Gercke Hoptilla giet op 3-1-1635 foar it gerjocht te Dokkum yn ûndertrou mei Antje Hilles fan Dokkum ôfkomstich. Bartel Jansen fan BERLTSUM, ‘notarius publicus’ en goudsmid, troude op 4-11-1685 foar it Dokkumer gerjocht mei Martijntje Pyters fan Heusden ôfkomstich. Rintius Posthumus, fan Ternaard ôfkomstich en ûntfanger fan berop, is op 6-10-1720 troud mei Aukje Baarda fan BERLTSUM. Barteld Klases Hoogterp, sirurgyn te BERLTSUM, troude op 23-4-1786 te Hallum mei Jeltje Warners Emmen. Sybren van Gelder is op 11-5-1758 te Garyp troud mei Trijntje Wilkes fan Garyp ôfkomstich. Sybren van Gelder is tichelbaas yn BERLTSUM. Tadeus Renici van Theeken is op 7-12-1760 te Ryptsjerk troud mei Antje Pieters Posthumus fan BERLTSUM. Hy is ‘procureur fiscaal’ fan Menameradiel. Tichelaar Poppe Claessen leverde yn 1661 stien. Claas Poopes Tichelaar, tichelbaas yn BERLTSUM, troude op 14-2-1675 te Kortezwaag mei Grietje Fookes fan Kortezwaag ôfkomstich. Willem Gerbens, fan Grou ôfkomstich, is mei attestaasje fan de Minniste Wetterlanner gemeente fan Grou, te Terbant cs. op 16-9-1798 troud mei Maartje Meinderts. Sake Oukes, arbeider op it Berltsumer tichelwurk, is op 26-8-1764 te Easterlittens troud mei Trijntje Cornelis fan Easterlittens ôfkomstich. Hycke Gerbens Quader troude op 27-3-1757 te Menaam mei de fan Meaam ôfkomstige Anne Huidekoper (*. Jan Jans fan BERLTSUM, en mounder te BERLTSUM, troude foar it gerjocht fan Ljouwert yn 1624 mei Aaf Jans fan Bitgum ôfkomstich. Marten Martens, bakkersfeint te BERLTSUM, troude yn 1631 foar it Ljouwerter gerjocht mei Reinick Foppis fan Ljouwert ôfkomstich. Bote Fransen, brouwer te BERLTSUM, troude yn 1659 foar it Ljouwerter gerjocht mei Sara Hessels fan Ljouwert ôfkomstich. Suzanna Olaus, fan BERLTSUM ôfkomstich, troude yn 1670 foar it gerjocht mei de korporaal Jan Willems út Ljouwert. Gaius Hajonides fan BERLTSUM troude yn 1687 mei de fan Ljouwert ôfkomstige Lijntie Coops mei attestaasje earne oars hinne. Gothofredus Viglius út BERLTSUM troude yn 1690 mei Helena Camminga fan Ljouwert. Hja is de widdo fan Cornelis de Baar. Siricus Arnoldi, dûmny (‘predicant’) te BERLTSUM, troude yn 1722 foar it gerjocht te Ljouwert mei Johanna Siccama út Ljouwert. Horatius Tanja út Ljouwert troude yn 1722 mei Berbera Siccama fan Ljouwert mei attestaasje nei BERLTSUM. Johanna Siccama en Berbera Siccama binne susters fan inoar. Gerben Sjoerds fan Grou is op 28-5-1792 te Sybradabuorren troud mei Grietje Heeres van Soest út BERLTSUM. Jan Symons fan BERLTSUM is yn 1797 troud mei de hjir niis boppe neamde Grietje Heeres út Grou. Foke (Fokke) Dirks Kuperus fan BERLTSUM is yn 1794 te Grou troud mei Trijntje Heeres van Soest út Grou. Ynte Heeres is op 13-7-1600 te BERLTSUM troud mei Sijke Gerrits. Hy wie hjir pachter fan in kleasterpleats, wie meirjochter yn Menameradiel en hie yn 1607 in sit yn de Lândei. Ynskreaun yn 1654 as boarger fan de stêd Warkum, Laes Pytters, wever fan BERLTSUM ôfkomstich. Wybrant Juriansz., fan BERLTSUM ôfkomstich, leit op 18-6-1604 de belofte ôf. (Boargerboek fan Snits) Doytse Doytses fan BELKUM ôfkomstich, troude yn 1621 foar it gerjocht mei de fan Dokkum ôfkomstige Johan- neske Jansdr. Agge Aggis tot BERLIKUM hat, sa blykt út in akte fan 4-7-1636, fanwege in skuld fan “graanen” de som fan 11 Car gld en 7 strs. oan boppeneamde (?) Doytse Doytses. Douwe Hessels Wiarda, troud mei Jaike Hendrix Aquila, is yn 1698 eigner en brûker fan in stim (op in pleats of hûs?) te BERLTSUM. Hy is letter bakker yn BERLTSUM. Henricus Nicolaas Bul, is berne op 17-4-1667 te Bloksyl ûnder de namme Hendrik Bull. Hy troude op 13-10-1686 te Bloksyl, nei in rjochtsaak, mei Jaetje (Jeijtje) Gabriëls (Chabes Gabes). Jaetje wie yn 1667 berne te BELCUM. Hja frege de Schout (rjochter) tastemming om mei Hendrik Nicolaas Bull trouwe te meien omdat hja swier is, as hja net trouwe, soe se fersoarge wurde moatte. De saak wurdt ûnderinoar ôfdien. Se trouwe op 13-10-1686 te Bloksyl en út dit houlik wurde seis bern berne wêrfan trije de genealogyske line fuortsette. (* wie yn 1758 brûker fan de pleats fan de erven Klaas H. Osinga.

BEKENDE AUTEURS BERNE YN BERLTSUM

binne ûnder oare:

SICKE van Hemminga, op 6-2-1533 te BERLTSUM berne as soan fan Hette van Hemmema en Barbera van Gratinga. Hy wie boaske mei Ath Bootsma en is ferstoarn op 15-4-1586.

JAN Huidekoper berne te BERLTSUM op 3-4-1766 en yn 1795 troud mei Geertruida Margaretha Stinstra en dêrnei yn 1812 mei Jacoba de Bie. Hy is stoarn op 12-11-1874.

KLAAS Aartsma, te BERLTSUM berne op 4-3-1838 en stoarn op 12-11-1874.

BEKENDE AUTEURS STOARN YN BERLTSUM

OENE van Grovestins, berne tuske 1500 en 1550, wie û. o. Grytman fan Menameradiel, yn earste boask troud mei in Joanna Buiters en yn twadde boask mei Hylck Piebes Oetsma (Oentzema, Oentzima), te BERLTSUM ferstoarn op 18-6-1600. De grutte grêfstien leit hjir foaroan op it tsjerkhôf.

JONAS Olaus, berne yn Noarwegen, dûmny te BERLTSUM en stoarn te BERLTSUM yn 1655.

VELINGIUS Abdias, berne te Grins yn 1721 en stoarn te BERLTSUM yn oktober 1803. Dit is lylwols net ús doarp sa’t wol suggereare wurdt, mar it doarp BERLICUM yn Brabân.

PETRUS Nota, berne te Frjentsjer, studint yn Frjentsjer, dûmny te BERLTSUM en hjir stoarn op 23-9-1808.

L. C. 22-3-1930.

De O. L. S. te St. Anna.

Te Sint Annaparochie stond ene Willem Rein ’s Spoelhof (1788 - 1802), zijn vader was koopman en ouderling te BERLIKUM. Meester Spoelhof nam deel aan den politieken strijd zijner dagen, aan de zijde der Patriotten, maakte in 1795 zelfs deel uit van de Provisionele Municipaliteit (voorlopige gemeenteraad) van het Bildt. Er kwamen klachten over het verwaardelozen van den schooldienst en in 1802 bedankte hij of werd bedankt. In 1808 neemt hij evenwel weer tijdelijk de school waar, en in 1812 treedt hij op als onderwijzer aan de toen geopende school te Nieuwe Bildtdijk, tot zijn dood in 1839. (Hy wie yn 1790 boaske mei in Wytske Kornelis en wurdt dêr op it Bilt ‘organist en schooldienaar’ neamd. Hy is 74 jier âld wurden.)

Sjoch ek de L. C. fan 11-11-1937. 125 jaar school aan den Nieuwen Bildtdijk.

In 1715 werden de oude Bildtpollen ingedijkt en in 1754 de nieuwe, waardoor de oppervlakte van de Grietenij het Bildt met 570 morgen (ruim 522 ha) was toegenomen. Om in lang ferhaal koart te meitsjen: Der kamen op it nij oanwûne lân ek wer nije buorkerijen en setten harren wer nije minsken ta wenjen. De doarpsskoalle yn Sint Anne wie sawat in oere rinnen en de wegen (de paden) wienen noch modderwegen. Foaral yn de winter wienen dy foar de bern net maklik begeanber. Sa kaam men doe ek om 1800 hinne op it idee om dêr op de Nije Biltdyk in nije skoalle te stiftsjen en in eigen skoalmaster oan te lûken. Mei de doe te BERLTSUM wenjende skoalmaster Willem Reins Spoelhof waard in kontrakt oangien wêry’t ûnder oare stie dat hy in fêst bedrach fan fl. 150,- fan in Kompanjonsskip krije soe en fierders soe hy de skoaljilden winne fan de âlders. Spoelhof wie bliid dat hy wer in skoalle hie. Earder fan 1789 oant 1802 wie hy skoalmaster oan de doarpsskoalle te Sint Anne west, dêr yn 1790 troud mei Wytske Kornelis en hie in grut gesin. Yn 1802 hie hy dien krigen: oarsaak drank! en wie wer yn BERLTSUM kommen te wenjen. Hjir hat hy syn libben bettere, sa, dat hy yn 1808, 1809 de fakante doarpsskoalle fan Sint Anne wer waarnimme mocht.

WÊROM YN DE TIID.

*****************

Jan Symens (Wassenaar) wie húsman (boer), earst yn it KLEASTER - ANJUM en letter yn de Buorren op de Terp. De Wassenaar ‘s komme fan it Bilt. Jacob Dedde ’s Appelhof wie hôfker/ gernier en is û. o. brûker west fan it hôf “de Fûgelsang”, wêr ’t no de Kristlike Basisskoalle mei deselde namme stiet. De foarâlden fan Jacob Deddes wennen hjir al yn 1722 want doe wie Dedde Jacobs (berne yn 1696) “steenmaecker en former op het Tichelwerk te BELCUM” lykas in doe hjir yn 1680 ek wenjende Douwe Hager. Der wie ek noch in Dooitse Dedde ’s Appelhof as túnker. Letter wennen der Appelhofs (Eeltje Deddes sûnt 1893) û. o. yn St. Jabik en letter yn Dokkum, Dronryp etc. ......... .........

(De ek yn Sint Jabik wenjend hawwende Piebe Ouwes Appelhof (berne te St. Jabik op 11-5-1808 is ferstoarn yn de oarloch te Maastricht op 7-9-1832 ) is net oan de Berltsumer Appelhofs besibbe. Syn heit wie in Ouwe Piebes dy ’t troud wie mei Antje Pieters Runia fan BERLTSUM. De stamheit fan Piebe Ouwes is in Gerrit Gerrits Appelhof (1633) en komt fan it Bilt. )

Klaas Symens (Faber) en letter Gerben Faber wie mr. smid (yn de Smidssteech, no de Ramshoarnstrjitte). Pieter Theunis Hager wie opheller fan de iviche rinten en pachten en Doarpstsjinner. De namme “Hager” hat hy te tankjen oan it berop fan syn foarheit, dy ‘t fan berop “hager” wie op it Berltsumer tichelwurk. (Dirk Harmens (Hager) berne ca 1750 te BERLTSUM en st. yn 1811 te BERLTSUM, troud mei Dieuwke Arjens, st. yn 1811 te BERLTSUM) Hy sette de stiennen yn hagen, yn en út de stienûne. Op oare plakken komt de skaainamme Former foar. (stien/panfoarmer). Sybren van Gelder wie tichelbaas en tsjerkfâd. Hy wie op 11- 5-1758 boaske mei Tryntie Wilkes. Evert Anne ’s Nauta, berne om 1717 hinne, wie kastlein yn “Het Wapen van Vriesland” en tsjerkfâd. Hy wie berne om 1717 hinne en yn 1742 troud mei Jeltje Ottes van der Linde. Simen Siek ’s Baarda, de soan fan Simon Zyks, wie yn 1765 kastlein yn herberch “Het Wapen van Gelderland”, ek wol de “Nije herberch” (* neamd en troud mei Saapke Joh. Hazenhoek. Yn 1769 wenne hjir yn dizze herberch Harmen Beernts as kastlein. Boate van der Veen, mr. timmerman en tsjerkfâd. Hendrik Jeremias Quarree (Quarré, Carree) wie û. o. ek reidleveransier. Beernt (Sybe ’s) Faber wie koperslagger. Grietje Pijter ’s Reitsma, berne yn 1771 en boaske mei Douwe Jeremias Quiree (Quaré), wie hjir sûnt 1806 in foarnaam kreamheinster.

(* De “Nije herberch” mei in hynstemannerij mei in skuorre om 200 hynders te stallen waard op 15-3-1769 te Harns yn Herberch Romein ferkocht troch de eigner/bewenner kastlein Simon Sicks Baarda

Pytter Keimpe ’s (Reitsma) boaske mei Janke Tjeerds, tromslagger, omropper en pûstertraper by it oargel. Hy trommele de Berltsumers op, as it nedich wie, om earne hinne te gean, mar ek makke hy it doarpsnijs bekend. (Letter binne hjir doarpsomroppers west: û. o. Sjoerd Aukes Tolsma, Douwe Rinses en Rinze Douwe ’s van Wigcheren en Gerrit Sijtsma mei de skille, Hisse Feike ’s Brouwer, earst mei de skille en letter mei de elektryske “speaker” en as lêste Piet Weijer mei de gelûdsauto.) Houke Feddes (Hager) wie de Ljouwerter skipper en doarpstsjinner.

IJsbrand Lammert ’s (Brouwer) hie in bierbrouwerij yn BERLTSUM. (Letter yn Sint Jabik “De Brouwerij”) Klaas van Gelder, opheller fan de skoarstienjilden. Douwe van Gelder is hjir û. o. hierder west fan de fiskerij yn de tichelerspiip. (Dit is de tsjerkepiip yn de Menamer- of Ljouwerterfeart, dy ’t nei Menaam fierder oant Ritsumasyl ta fierder giet mei de namme: de Ballens.) Jeremias Clases (Caré) wie krekt as Tjeerd Romke ’s (Bontekoe) brieve samler en brocht de skriftlike boadskippen nei oare doarpen en stêden. De postbestelling sa ’t wy dy no kenne wie der noch net. Jeremias Clases Carree, boaske mei Berber Pytters, wie winkelman. Heere (Herre) Carree wie krekt as Klaas Symen ’s Faber, mr. smid. Sape Andele ’s (van der Hout), troud mei Grietje Pyters, mr. timmerman en beamsnoeier. Hy siet yn “it deade en libbene hout” as fakman. Johannes de Valk wie mr. ferver. In D. van Wicheren (Wigcheren), mr smid en in Popke Gerrit ’s van Wicheren, ferver/glêzemakker. (De van Wi(g)cherens komme oarspronklik fan Ljouwert en omkriten). Heere Sjoerd ’s van Dokkumburg wie yn it lêst oan, oan it wurk yn de tsjerkefinne (buorfinne) as oppasser. Klaas Klases Osinga, húsman (boer) op “Skilwolde“ (no Jetskereed 3.), hy wie û. o. ek earmfâd. Wytse Johannes de Haan hierde de diakony helling en wie tagelyk ek skipper. Hy wie ôfkomstich fan Harns. Obbe Thomas (Westra), doarpsrjochter en fjildwachter. Yme Daniël ’s (van Schepen), hôfker en túnker. Klaas Hemkes, troud mei Sytske Symons, mr. bakker. Tjeerd Romkes, mr. bakker. Hans Sijbren ’s Faber, mr bakker yn de Buorren. Syn âlden komme oarspronklik fan Frjentsjer, syn heit wie dêr master tinjitter, en naam, krekt as de smid en de koper slagger, de namme Faber oan. Hja fabrisearren eat en yn it gefal fan Hans Faber no ek wer, nammentlik: it deistich brea. Andries Lourens de Vries wie mr. sulversmid en yn 1789 troud mei Hendrikje Daniëls. Douwe Eeltje ’s (Schiphof) wie winkelman, hy levere û. o. kearsen, mar ek klean en naaiersjern. Hy is ek tsjerkfâd west. Eeltje Douwe ’s (Schiphof) wie letter âlderling yn de Herfoarme tsjerke. Oene Wopke ’s Tolsma, berne om 1785 hinne en op 8-5-1813 troud mei Baukje Ruurd van Donia, wie hjir bekend as mollefanger.

Dan binne der de Ru(i)nia ’s (Theunis Jans) en de Lautenbach ’s (Jacobus). Beide Berltsumer sibben Lautenbach en Runia binne ôfkomstich fan WIER. Earst neamde, Theunis Jans, wie yn WIER boer op de pleats deun by Lauta state en de lêst neamde, Jacobus, wie de Herfoarme dûmny fan WIER. No noch hjitte de ôfstammelingen fan Runia, Theunis en Jan en oars wol Theunis Stienstra of Theunis van der Graaf. En de ôfstammelingen fan de Wierster dûmny Jacobus Lautenbach, Jacobus Lautenbach en oars wol Jacobus Wassenaar of Jacobus van Schepen.

Op “It Heechhiem” oer it Berltsumerwiid, wenne sûnt 1773 mei attestaasje fan Frjentsjer d. d. 4-2-1773, de (âld-)Kompanjyskriuwer Michaël Hulshuijs (ek wol Heer (leger)skriuwer neamd) fan in Kompanjy Ynfantery wie op 15-4-1746 te Holwert boaske mei Sytske Posthumus fan Holwert ôfkomstich. Hy wie letter troud mei Doekje Lemke. De Hulshuijzen komme oarspronklik fan Leer yn East Fryslân en binne fia Ljouwert / Holwert hjir kommen te wenjen. Hy wie hierder fan in trijedûbelige slúten tsjerkebank yn de Berltsumer tsjerke. Hjir yn BERLTSUM hat hast altyd wol in kompanjy tahâlden. Tink mar oan it wurd de (Kompanjy ’s of Luitenant ’s) kamp, no ferkoarte ta: de Kamp, doe alhiel noch troch wetter ynslúten. It wurd Luitenantskamp wurdt sels yn 1868 noch neamd yn in akte fan publike ferkeap. De hynders koenen te lâne op it dêr tichteby lizzend hynstewaad.

Fier dêrfoar hat der op it Heechhiem yn 1675 ek in Sytse Claesen, troud mei in Jetske Willems, wenne en yn 1747 in Tjerk Clases Gerroltsma, yn 1705 troud mei in Trijntje Douwes. Lêstneamden gienen (meastal) yn WIER nei tsjerke mar behearren tsjerklik ûnder BERLTSUM want it Heechhiem en omkriten foelen ûnder BERLTSUM. Hy wie nammers dan ek tsjerkfâd fan de tsjerke fan BERLTSUM. Tjerk Clases Gerroltsma is de soan fan Claes Meynes Gerroltsma, de bysitter fan ‘e Gritenij Menameradiel en âlderling fan WIER. Hy waard yn it quotisaasje kohier fan WIER yn 1749 oanslein foar 65-14-00 mei de oantsjutting: boer.

BERLTSUM lei op in tige strategysk punt om nei Ljouwert, Harns en Frjentsjer komme te kinnen, sawol oer it lân as oer it wetter. De grutte kanalen en strjitwegen fan hjoeddedei wienen der doe destiids noch net nei dy trije stêden. En BERLTSUM hat it witten! It gie der hjir somtiden mâl om en ta. Plundering, brânstifting en moarderij. Ik bin as âldste Berltsumer mei in dûbel berop tsjinkommen: in Bartel Jansen, boaske op 4 -11-1685 mei Martijntie Pyters, dy ’t notaris publicus en goudsmid wie. Dit wienen sa mar in pear beroppen en nammen. Ôfstammelingen mei deselde efter- en foarnammen wenje hjir no noch yn BERLTSUM of yn de omkriten. It is foar harren miskien wol aardich om dit te witten.

L. C. 28-10-1836.

GRIETMAN en ASSESSOREN van MENALDUMADEEL.

Grietman en Assessoren van Menaldumadeel, brengen ter kennis aan belangstellenden, dat de post van VROEDVROUW te BERLIKUM is komen te vaceren, en noodigen dien tengevolge bij deze uit al diegenen welke genegen zijn en de vereischte bekwaamheid bezitten dezen post te vervullen, waaran een jaarlijksch tractement van fl. 50,- is verbonden, om zich daartoe onder overlegging een acte van admissie en getuigschriften van goed zedelijk gedrag, vóór den 1. November a. s., bij vrachtvrije brieven, ter Secretarie der Grietenij aan te melden.

Menaldum, den 19 Oct. 1836.

G. F. Br. Thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg.

Ter ordonnantie van denzelven P. J. Mebius.

L. C. 17-3-1762.

Dr. Cornelis Scheltema, Secretaris der Stad Franeker, zal op Donderdag de 1 April 1761 ‘s namiddags te een uur t.h.v. Rinse Halma, Castelein in de Valk aldaar, by Strykgeld praesenteeren te verkoopen: Een heerlijke Stemdragende Zathe en Landen met Huizinge, Schuure en Plantage ca gelegen in het KLOOSTER ANJUM onder den Dorpe BERLIKUM by Symen Symens (Wassenaar) als huurder werdende gebruikt voor 500 Car. gls in ‘t jaar vry geld, die Petri en May 1762 daaraan competeeren 3 jaren Huringe, begeregtigt met een Stem op no. 4 en belast met 24 Floreenen schattinge. Breder volgens billetten.

L. C. 13-11-1779.

Dr. J. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, zal op Maandag den 15 November 1779 om tien Uur voor Noen, ten sterfhuize van Lieuwe Bottes te BERLIKUM by Boelgoed verkopen: ongeveer 40 Korven Bijen, zes Vaten Honing, Honingpars, alsmede een extra vet spalling Varken, voorts allerhande zoort van Meubelen en Huissieraden en wat verder ten dage van Verkopinge te voorschijn zal worden gebragt.


L. C. 24-4-1829.

De Secretaris en Notaris Mr. P. J. Mebius, zal, op Maandag den 27 April 1829, des n. m. ten 3 ure ten huize van D. K. de Jong, kastelein (in de “Nieuwe Herberg, letter “Hof van Holland”) te BERLIKUM, bij den Finale palmslag verkoopen: Een uitmuntende en voor negen jaren geheel nieuw gebouwde HUIZINGE en SCHUUR, bestaande in eene Kamer, eene ZOMERWONING, een Stookhuis, Provisiekelder, Put, Regenswaterbak en verdere Commoditeiten, waarbij een Buitenhuis met Stalling voor 6 Koeijen en 4 Paarden, benevens eene Hovinge en een plek kostelijke Bouwgrond tezamen groot nagenoeg 18 v roeden, staande en gelegen aan RIJDWEG te BERLIKUM; gekwoteerd met no. 111, door wijlen M.(arten) D.(irks) de Boer (yn libben fuorman en widner fan Fokeltje Dirks) bewoond geweest; op den 12 Mei 1829 te aanvaarden, waarop geboden is fl. 1205,75 (Om 1700 hinne wie in Sjoerd Feikes de eigner en in Lourens Philips de hierder fan dizze op dit plak steande herberch)

L. C. 9-12-1994.

OUDEREN BLIJ MET KLUSSENDIENST.

(foto: û. o. Rients Gosse ’s Tijsma fan BERLTSUM, wenjende oan de Hôfsleane húsnûmer 101.)

-----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

BELTSJE DRUKKE

Lytse Hendrik Looienga út de Kwekerijleane rint de Lytse Buorren del en wol by in hûs op de doarbelknop drukke.

Jan Wassenaar sjocht dat hy der krekt net by kin.

“Sil ik efkes op de belknop drukke?” freget hy.

“As it kin, dan graach”, seit it boike.

Jan drukt op de belknop. “No moatte jo en ik hurd tsjin fuort te kommen”, seit Hendrik.

----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 1-2-1882

OPROEPING

Die iets verschuldigd is aan of te vorderen heeft op den Boedel van Jacob Hendriks de Ruiter, Turfschipper, gewoond hebbende te BERLIKUM, wordt verzocht daarvan betaling en opgave te doen vóór den 15 Februari 1882 ten huize van den ondergetekenden, notaris te BERLIKUM.

Notaris van Geijtenbeek

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

L. C. 8-8-1873

VERKOOP VAN EEN TJALKSCHIP

De notaris A. van der Plaats te Leeuwarden, zal op Zaterdag den 9 Augustus 1878 ‘s namiddags 5 uur, ten huize van K. de Jong, in het Rotterdammer Veerhuis op den Grachtswal aldaar, in één zitting, publiek verkopen: Een overdekt gewegerd Tjalkschip genaamd “de jonge Geertje”, groot 45 tonnen, met Zeil, 2 Fokken, 2 Ankers, Touwwerk en verdere Inventaris, bevaren werdende door B.(artele) J.(acobs) Ruiter (fan BERLTSUM). Ter bezigtiging liggende in de Stadsgracht aan den Grachtswal te Leeuwarden en op den verkoopdag vóór het Huis van de Jong. Inmiddels uit de hand verkocht.

BARTELE en MARTENTJE

Bartele (Jacob Hendriks) Ruiter, earst skipper en letter nachtwaker by de nijbou te Amsterdam, berne te BERLTSUM op 4-6-1839 en stoarn te Amsterdam op 16-6-1913, wie troud mei Martentje (Sije Wybes) de Jong, berne te BERLTSUM op 21-6-1838 en stoarn te Amsterdam op 15-3-1924. Hja binne op 2 april 1890 mei de bern nei Amsterdam ferfearn en setten harren dêr ta wenjen yn ‘e Spaarndammerbuurt. Reden wie dat harren houten beurtskip, wêrmei it deistich brea fertsjinne waard, troch houtswam oantaast wie. Herstel bliek net mooglik en jild wie der net foar in nij skip. Dit betsjutte it ein fan de ynkomsten.