DE 12E STÊD FAN FRYSLÂN

Yn febrewaris 2005 waard it begrip de “De âlve Fryske stêden” oantaste. Op T. V. nei it N. O. S. Journaal waard fakentiids noch wolris foar de aardichheid sein: “En dan nog dit .....” en dan kaam der noch in nijsgjirrigens oan de oarder. Sa waard der doe op 12 febrewaris sein: “Friesland heeft geen 11 maar 12 steden. Een amateurhistoricus uit Alkmaar (de gemeente siktaris Joost Cox) heeft ontdekt dat Friesland geen 11 maar 12 steden heeft. Het plaatsje BERLIKUM schijnt vroeger ook stadsrechten te hebben gehad” en dan folget in koart ynterview mei de man yn it stedhûs fan Alkmaar. Kranten as de Telegraaf, Trouw en regionale kranten stjoere allegearre ferslachjouwers. It nijs giet sels fia “Radio Nederland Wereldomroep” de wrâld oer. Radio 1 oant en mei 4 bringe it ferslach op de radio. Radio 2 frege de man sels om nei BERLTSUM ta te kommen om mei in fertsjintwurdiger fan de Fryske Akademy al kuierjende troch BERLTSUM in ynterview te hâlden. De man wegert it omdat hy alles net neikomme kin. Yn it Grinzerlân wurde de minsken no ek nijsgjirrich, want hoe sit it dan dêr mei de eardere stedsrjochten? Grinzerlân hjitte ommers in pear ieuwen werom ek Fryslân. (Tink mar oan it Wilhelmus it 4e kûplet wêr ‘t wy lêze: “Graaf Adolf is gebleven in FRIESLAND in den slag”. Dit wie yn 1568 by Heiligerlee.) Hoe siet it dan mei bgl. APPINGEDAM, Delfsyl en Winschoten? De bêste man kaam mei in berjocht wat foar ús Berltsumers al wol hiel “ald nijs” wie. Yn in brief oan de Hanzestêd Lübeck fan 11 april 1355 wie al sprake fan de Civitatis BERLICHEM. Dit wie de âldste oantsjutting as stêd. Yn dizze oarkonde wurde ek de riedslju fan Westergea yn Fryslân neamd (consules Westerginis Frisie). Yn in oarkonde út 1455 is sprake fan in folweardich stedsbestjoer: “Olderman ende Scepenen......... meene Recht en de Raet”. Yn in ferdrach tusken Frjentsjer en BERLTSUM fan 24 novimber 1470 is sprake fan Alderman, Schepnen ende Reed in BERLTJUM ende WTGUM”. (BERLTSUM en ÚTGONG) Dizze brief eindigt mei: “als een getuigenis der waarheid, hebben wij voorschreven en (voornoemden) ons stadszegel (“use steedis secreet”) aan dezen brief gehangen”. By de oanjefte fan in “ferdban” op 14 oktober 1491 is sprake fan “Doecka Hemmema, Alderman toe BERLIKUM” en syn “mederiuchteren”, dy ’t oan it ein fan de brief “meyschepenen” neamd wurde. In “ferdband” is in fredebân of konsintbrief (15e ieu) wêrmei de oerheid it wetlik eigendom fan ûnreplik guod befêstige, neidat dit yn it iepenbier by opbod ferkocht is en nimmen har hjir tsjin ferset hie. Op 28 juny 1496 nimme “Rjochters ende Raedt en de Gemene Meente van BERLYKEM” it ferbûn fan Westergea mei Grinzerlân oan. It binne dúdlike oanwizings fan stedsfunksjes en ynstellings, en it segel is by útstek in steds-symboal. Mar BERLTSUM hat him net as stêd hânhâlde kinnen; de slús fersânne en in protte ynwenners, sa seit men, binne nei Frjentsjer ferhúze, en is krekt as BERLTSUM, ek ûntstien út twa terp”doarpkes” t. w. Froonacker en Godsacker. Yn 1435 kamen de delsettingen Oldehove en Hoek ûnder it stedrjocht fan Nijehove. Yn 1398 wie al in beslút nommen om Ljouwert hinne in grêft te graven. BERLTSUM is no wer in doarp wurden. Of siz ik it ferkeard en is it dochs in stêd. It is ommers de grutste “glêzen stêd” fan Fryslân! ( Nelis Meinderts destiids yn 1659 “glaes- maecker tot BELCKUM” soe ferheard opsjen en sizze: “Minsken, minsken, wat in glês!)

(Sjoch ek it filmke op VIMEO: Skoalmaster Floris Visser oer de BERLTSUMER stedsrjochten.)


NRC HANDELSBLAD 10-2-2005

BERLIKUM gaf zichzelf in 1355 stadsrechten, dit met medeweten van de raadslieden van Westergo. In 1470 gaf BERLIKUM een stadszegel uit, het symbool van stedelijke autonomie. Historisch gezien mag BERLIKUM zich stad noemen, stelt (Joost) Cox, gemeente secretaris van de gemeente Alkmaar die bezig is met een proefschrift over stadsrechten en publiceert binnenkort een encyclopedie met daarin een lijst van steden en dubieuze gevallen. “Friezen zijn een eigenzinnig volkje en erkenden geen landheer, daarom gaf BERLIKUM zichzelf in 1355 stadsrechten”, licht Cox toe.

STEDSRJOCHTEN

Stedsrjochten wienen yn ‘e Midsieuwen bysûndere rjochten en privileezjes dy ’t jûn waarden oan in plak. Der wienen meardere rjochten as op Rjochtspraak (*, it Merkerjocht, it Tolrjocht, it Stapelrjocht, it Waachrjocht, it Muntrjocht etc. Foar safier ’t ik neigean kin hie BERLTSUM yn elts gefal ien fan dy rjochten, nammentlik it tolrjocht. Der kinne ek mear west hawwe mar ik ha se net fine kinnen. Hoewol ’t der dus meardere rjochten wienen, gie it yn essinsje om it rjocht fan ‘e stêd op eigen Rjochtspraak. Oan boargers waard it rjocht ferliend harren saak foar de rjochtbank bepleitsje te litten troch “gelikens” yn stee fan ûnderwurpen te wêze oan it rjocht fan in Lânhear. Feitelik is is der dus sprake fan stedsrjocht en net fan stedsrjochten. Bepaalde lânstreken koenen dy rjochten ek krije. Mei it ferdwinen fan it Feodaal stelsel en it tanimmende belang fan de Sintrale (rjochts)Steat kaam ek in ein oan it stedsrjocht. Nei de ‘Bataafske Omkear’ yn 1795 waarden gemeenten nei Frânsk model foarm jûn en waard it stedsrjocht by wet ôfskaft. Hoewol ’t dit rjocht yn 1813 foar in part werom kaam, krigen stêden it folsleine foech net werom dy ’t hja foarhinne besieten. Rjochtspraak en Wetjouwing waarden hieltyd mear in saak fan it sintraal gesach. Nei de Grûnwet fan 1848 en de Gemeentewet fan 1851 is it ûnderskied tusken doarpen en stêden definityf kommen te ferfallen. Stedsrjochten dy ’t yn it begjin fan ‘e 19de ieu yn 1825 noch jûn binne oan (** Delfshaven, Delfsyl en Winschoten binne net te ferlykjen mei dy út de Midsieuwen en wienen mear fan ‘symboalyske’ aard. Troch guon minsken wurde Den Haach en Assen dêrom ek net as stêd beskôge, omdat dizze plakken harren stedsrjochten pas krigen tusken 1810 en 1813 t. t. f. it ynliivjen fan de Nederlannen by Frankryk. Yn ‘e moderne skiednis is der no ek noch wol in ‘symboalysk’ stedsrjocht ferliend en wol oan it plak Emmeloard. Miskien kin dat hjir yn BERLTSUM ek nochris plakfine, wa wit.

Fuotnoaten:

(* ek wol neamd it keurrjocht, dit is it rjocht fan skepenen om op eigen gesach rjochtsrigels út te feardigjen.

(** Staveren wie it earste plak yn Nederlân dat stedsrjochten krige en Delfshaven krige yn 1825 as lêste plak dizze rjochten.

In sizzen giet, dat Fryslân sa’n protte stêden hat as der moannen binne, safolle kleasters as der wiken binne, safolle doarpen as der dagen yn’t jier binne. Wat dat oantal stêden oangiet is de stelling goed: der is nammentlik in tiid west wêryn’t ÚTGONG, it eastlike part fan it doarp BERLTSUM ek (in begjin fan) stêdsrjochten besiet. Mar!!! ...... it kin ek op Stienwyk slaan, sjoch hjirnei.

STIENWYK.

Yn de tiid fan Karel de V. hat STIENWYK koarte tiid de tolfde stêd fan Fryslân west. Oer dizze regeling wiene de Stienwikers net te sprekken. Yn de 80-jierrige oarloch hat de stêd in protte te lijen hân.

APPINGEDAM.

APPINGEDAM waard troch de Fryske folksgearkomste fan Opstalbeam ferheven ta stêd It wie destiids de haadstêd fan it 5e frije Fryske Seelân FIVELINGO. Yn dizze handelsstêd op de fette klaai wennen in protte Joaden. In Damster Joadske sibbe hat Van der Klei as efternamme oannommen.

IN EIGEN MUNT.

1579 De “Grinzer Ommelânnen” beslúte in eigen munt te slaan yn it “Gouden Pand” yn APPINGEDAM. “Mo.No. statuum Frisiae – inter Amasum et Laubucum. (Fryslân tusken Eems en Lauwers.)

(De rivier (de stream) de Lauwers waard yn it Latyn Laubachus en Laubacus of ek wol Lavica of Levica neamd. Yn de tiid fan Karel de Grutte skynt dy Laubach of Laubeek hjitten te hawwen. Sa waard de rivier (de stream) Peasens ) ek wol de Donger neamd, de Kúnder (de Kuinder) wol de Tjonger en de Linde wol de Lende. Tink mar oan de Dongeradielen, it Kúnderbosk, de Tjongerskâns.)

BÛTERWAACHEN, NEARINGS EN AMBACHTEN

Doarpen as BERLTSUM, Molkwar, Kollum, Balk, de Joure, Âldeboarn, Ferwerd, Hallum, Stiens, Holwert en neam mar op, hienen elts somtiden, sa bliek út de opbringsten fan de waach, mear nearing en wolfeart as de fjouwer of fiif fan de lytste Fryske stêden dy’t min of mear net mear as doarpen te achtsjen wienen. Sterker noch: de Fryske stêden binne just sa lyts bleaun trochdat op it plattelân bûterwaachen en oare nearings en ambachten tastien waarden. Dit yn tsjinstelling ta de doarpen op it Grinzer plattelân wêr’t de stêd Grins foar master opspile. BERLTSUM hie eartiids ek in waachgebou.

OP SYN ÂLVE en TRITICHST.

FRYSLÂN tusken it Flie (Flevo) en de Lauwers wie bestjoerlik besjoen in trijedieling. Ûnder de Republyk wie Fryslân ferpartte yn trije Kertieren: Westergea, Eastergea en de Sânwâlden. De Kertieren wienen op harren beurt wer ferdield yn 30 Gritenijen (of Skoutamten) mei in Grytman oan it haad. Dêrneist wienen dêr de âlve Fryske stêden. Eltse stêd hie in eigen rjochtbank en rjochtsgebiet yn de foarm fan de saneamde “klockslag”, in gebiet bûten de poarten, dat oan de stêdsrjochten en plichten fan de stêd bûn wie. Yn 1801 waarden de frije “Heerlijckheden” it Amelân en Skiermûntseach (troch de Frânsken) by Fryslân ynlive en yn 1942 foege men (de Dútsers) Flylân en Skylge oan de Provinsje ta.

Skiemuontseach: It eilân behearde yn de Midsieuwen ta de skiere muontsen fan it Kleaster Klaarkamp te Rinsumageast. It waard yn 1640 troch de Fryske Steaten ferkocht oan de lânjonker Johan Stachouwer, yn 1858 oan John Eric Banck, yn 1893 oan de Dútske grêve Von Bernstorff en waard yn 1945 ynlive troch de Steat.

It Amelân: Sûnt 1405 in Frije Hearlikheid fan de Ljouwerter sibbe Cammingha. Yn 1704 de Fryske steedhâlders. Yn 1795 troch de Frânsken by Nederlân ynlive. Yn 1802 waard der in regeling troffen mei it Hûs fan Oranje-Nassau en waard it Amelân besit fan de Steat.

Skylge: Behearde earder oan de sibbe fan “Ús Bauck” fan BERLTSUM. Yn 1502 skonk Philips de Schone it eilân as Hearlikheid oan de Hollânske ealman Cornelis van Bergen. Yn 1568 wie it de eigendom fan George van Lalaing, grêve van Arenberg en steedhâlder fan Fryslân. Yn 1615 ferkocht oan it Gewest Hollân. Tusken 1806-1814 by it Fryske grûngebiet, mar waard yn 1814 as gemeente Skylge by de provinsje Noard-Hollân yndield. Yn 1942 troch de Dútsers wer by Fryslan werom brocht.

Flylân: Oant 1805 by altyd Hollân. Yn de perioade 1805-1814 by Fryslân. Fierder makke Flylân deselde ûtwikkeling troch as Skylge mei as resultaat dat it fanôf 1 septimber 1942 troch de Dútske besetting ta it Fryske grûngebiet rekkene waard.

L. C. 9-6-1939.

Was FRANEKER in 1192 reeds een stad?

(Franeker?/BERLIKUM?)

L. C. 17-6-1939.

Kon FRANEKER in 1192 reeds stadsrechten hebben?

De kwestie van Franekers geboortedatum als stad nog eens van een andere kant bekeken.

(Franeker?/ BERLIKUM?)

L. C. 3-8-1884.

FRANEKER.

(Froonacker - ÚTGONG.)

Hjir wol ik noch folgjende oan taheakje wat ik earne oars ek wolris lêzen ha en wat de skiednis fan BERLTSUM yn ferbân mei de stêd Frjentsjer ek begrypliker makket, (tink oan de Berltsumer dûmny ’s, de boereprofessoaren, de Skieringers/Hemmema, de hannelsoerienkomsten, ferbinings mei BERLTSUM, de Hartoch fan Saksen, de Frjentsjerter lannen op it Bilt, de stienfabriken, de Stuyvesants etc. ...... .......)

Franeker, in het Latijn Franequere, is de derde der stemmende Steden van Friesland, gelegen in ‘t kwartier Westergoo, aan de trekvaart tusschen Leeuwarden en Harlingen, drie groote uren gaande van de eerste en twee kleine van de laatst genoemde stad. Over de naamsoorsprong en betekenisse worden VELERLEI GISSINGEN gevormd, welke GEEN GROND van eenige zekerheid hebben, en daarom GEENE aanmerking verdienen. Franeker heeft drie poorten: de Ooster- of Dijkster Poort, richting Leeuwarden, de Wester- of Harlinger Poort genoemd, de derde werd de Noorderpoort genoemd. Behalve deze is er een Waterpoort, de Dongjumer Pijp genoemd, door welke men vaart naar ‘t dorp Dongjum (en dus nei BERLTSUM). Franeker is zeer volkrijk, vervattende 3671 inwoners in den jare 1748. Deeze dreven veel koophandel in Koorn (tink oan Koornbeurs) en in Wolle. In de nabuurschap dezer stad, verscheidene Steen- en Pannen- bakkerijen, in zonderheid van blaauwe verglaasde pannen, waaraan sommige der inwoners een goede kostwinning hebben. Om de Sint Maartens kerk is een kerkhof (is no in plein) en de dienst wordt door twee predikanten waargenomen, een Waalsche gemeente met een predikant en een Mennonitische gemeente eveneens bediend door een predikant. Het Klooster van de Kruisheren werd in 1585 tot een Academie (universiteit 1585-1811) aangelegd. Het getal der hedendaagsche (1748) Professoren is tot XIV (14) bepaald; vier in de H. Godgeleerdheid, twee in de Rechten, twee in de Geneeskunde, zes in de Natuur- en Wiskunde benevens in Talen, Geschiedenis enz. De Kerk van het gewezen Kruisheren Klooster, waarin Promotiën geschieden, staat in ‘t Westelijk gedeelte van de Stad etc. .... Binnen Franeker ziet men nog vele Stinsen of steenen huizen. Toen de Graven van Holland, uit het Huis van Beieren, die, zedert dat zij deese Provincie onder haar bedwang hadden gebracht, deselve met voorrechten begonnen te begunstigen; daaronder het halsrecht (it Hege Gerjocht) ‘t welke anderzins aan geen eene Stad deeses Landschaps was toegestaan. Daardoor werden vele Edelen deeser Provincie gelokt, om zich in Franeker neer te zetten, die aldaar veel gezag uitoefenden, weshalve die Stad al vroeg de zetel der Edelen plagt genoemd te worden. Deze Edelen hebben die zelve Stinzen aangelegd etc. ..... De eigenaars deezer huizen waren allen van de Schieringsche Adel, vermits Franeker, de eenige Stad van Friesland bewesten de Lauwers, die hunne partij was toegedaan. Toen in 1498 de Hertog Albrecht van Saxen door de Schieringers, tegen de Vetkopers, te hulp geroepen was, werd hij binnen deze Stad ook ingehuldigd. Hij hield zijn Hofhoding op het Sjaerdemahuis etc. ...... ......

L. C. 2-1-1997.

ELF steden is gewoon zaak van stom toeval.

L. C. 10-2-2005.

BERLIKUM, ‘een dorp, weleer een stad.’

L. C. 14-3-2005.

Zingen in ELF steden en een dorp.

(BERLTSUM waard destiids wol neamd: “De Noardpoarte fan Fryslân”.)

ELFSTEDENTOCHT is fietsen door een prentenboek.

Rob van den Dobbelsteen.

......... ......... in BERLIKUM aangekomen (een dag verder op). In een van de mooiste Ot en Sien straatjes van Friesland, DE BUORREN, leg ik een mevrouw de vraag voor of het waar is, dat de hoge heren haar woonplaats ooit wilden promoveren tot de twaalfde stad van Friesland – om alvast wat indruk te maken – die reusachtige Koepelkerk liet bouwen. Dit verhaal hoort ze voor het eerst, dus vraagt ze belet bij een paar voorbijgangers. Binnen 3 minuten ontstaat een levendige discussie met de fietser als zwijgend (want hij verstaat wel Fries, maar spreekt het niet) middelpunt. Verrassende uitkomst: BERLIKUM heeft haar stadsrechten ooit voorgoed verkwanseld aan Franeker. etc. ...... ......

L. C. 12-2-1948.

De ‘Havenstad’ BERLIKUM.

De Havenstad BERLIKUM van zeeplaats tot landbouwdorp.

Vergeten stadsrechten.

Het klinkt nu een beetje raar om van BERLIKUM als een zeeplaats te spreken, maar ....... .........

WAT WIE IT BELANG FAN STEDSRJOCHTEN?

Yn 1825 waard Delfshaven noch ta stêd ferheven, mar dat wie foar de lêste kear. Sûnt 1851, doe ’t de Gemeentewet fan Thorbecke ynfierd waard is it absolút net mear fan belang dat in plak stedsrjochten hat of net. Ynwenners fan ta stêden útwoeksene doarpen neame harren wenplak no noch wol ús doarp. (Apeldoarn, Hilversum, Ede ets.) De Greve ferliende eartiids fia de Biskop it stedsrjocht wêrtroch it froedskip sels de rjochtspraak útoefenje koe, de stêd ommuorje of bewâlje en op drank e. d. aksyns heffe koenen. De Greve hie hjirsels natuerlik ek in foars belang by en dêr stie in grutte ferplichting tsjinoer. It molkefarske stedsje wie no ferplicht om kriichs-folk oan de Greve te leverjen as dizze wer ris ta de striid lúts of syn eigen omkriten ferdigenje moast. Ek moast in belesting oan de Greve ôfdroegen wurde. In stedsrjocht waard dan wol yn namme ferliend, mar it waard fakentiden ek field as oplein.

DE NOORDELIJKE NYOGHEN / DE ZUIDELIJKE NYOGHEN

OOSTERGO. De Noordelijke nyoghen bestond uit de gemeenten Ferwerderadeel, Dongeradeel en Dantumadeel en de Zuidelijke nyoghen (ek wol Leppa neamd) bestond uit de gemeenten Tietjerksteradeel, Leeuwarderadeel en Idaarderadeel. Deze groepen werden “nyoghen” (yn it nijfrysk: njoggen) genoemd omdat rechtspraak en bestuur in elk “deel” werden uitgeoefend door één rechter en twee bijzitters, dus negen personen voor de gezamenlijke drie “delen”, die in elk van de “nyoghen” verenigd waren. (de “eeheeren in de nyoghen”). De rechterlijke indeling tevens bestuursindeling was tot circa 1400 betrekkelijk eenvoudig, in zoverre, dat er nog geen geëximeerde stedelijke gebieden, noch immuniteiten, heerlijkheden met hoog- en laaggericht, noch andere geëximeerde gebieden bestonden, hoogstens misschien enkele kloosterlijke immuniteiten, waar de wereldlijke rechter geen gezag kon uitoefenen. De Friese steden in juridische zin, zijn laat ontstaan, dat wil zeggen, dat zij in het algemeen eerst omstreeks 1400 een van het platteland afgescheiden zelfstandig rechtsgebied vormden. (yn BERLTSUM grytman Hemmema mei syn “mei-riuchteren” (mede-rechteren)? Het 13de eeuwse Friese “merke riucht” (markt recht) dat een algemeen karakter droeg, was een aanvulling op het gemene recht in Westerlauwers Friesland; het was dus geen doorbreking van de hiervoor geschetste situatie. Het “merkedriucht” was slechts de juridische grondslag voor de latere locale marktrechten. Kenmerkend voor voor dit algemene marktrecht evenals voor de latere locale marktbrieven en stedelijke rechten, is dat er geen landsheer aan te pas komt. In de 13de en 14de eeuw heeft dit algemene “merkedriucht” toepassing gevonden in diverse plaatsen in Oostergo, o. a. Dokkum en Holwerd.

(Soe dit hjir boppeneamde doe opkommende “merkedriucht” ek fan tapassing west ha op de doe tige ferneamde Berltsumer (biste)merken yn it foar- en neijier mei alles dêr omhinne.)

In Gea (Go, Goo, Goa, Gou) kin in samling fan in pear (tsjerk)doarpen betsjutte, mar ek doarp. Tink bgl. mar oan Minnertsgea, Âldegea, Stiensgea (Augustinusgea) etc. De doarpstsjerke waard ek wol de gea-tsjerke neamd. It tsjerkerjocht, it saneamde “seendrjocht” (de leechste tsjerklike rjochtbank) gie ek fakentiden oer in grutter gebiet as it doarp sels. WESTERGOO omfieme sa earder de rjochtgebieten Franequere, Woldinghe en Wagenbrugge, dus ek wer trije (“trim”) dielen.

L. C. 1-10-1890

MENGELINGEN

In het laatst van de 15de eeuw was BERLIKUM nog als eene stad bekend en oefende haar recht uit als zoodanig, hebbende als andere steden, een ouderman en meederechters tot regeerders. Doeke Hemmema was toen (1491) ouderman en Jacob Aseges en Oentje Neusma scheepenen en mederechters, zoals blijkt uit een koopbrief van 3 pondematen lands gelegen tusschen BERLIKUM en WIER, hetwelk toen verkocht is; deze koopbrief was verzegeld en zeker ook geschreven door heer Tjaard, vicaris in BERLIKUM.

L. C. 8-3-2008.

VLAKBIJ EN TOCH VERAF ...... ....... Over water is het maar 3½ kilometer van Delfzijl naar Oost Friesland met in de verte de uitlopers van Embden.

Rikus Jager, lid van de Tweede Kamer voor het C. D. A. woont in Appingedam. Die plaats, volgens Jager, “de dertiende Friese stad” na de bekende elf en het dorp BERLIKUM, dat volgens sommigen ook aanspraak mag maken op stadsrechten. In 1327 kreeg Appingedam door vertegenwoordigers van alle Frieslanden onder de “Upstal-Bohm” in AURICH stadsrechten toegekend. Appingedam was destijds al hoofdplaats van FIVELINGO, een van de Gewesten in het middel-eeuwse FRIESLAND tussen Eems en Lauwers. Buiten de hoofdstad Groningen is Appingedam de enige plaats met historische stadsrechten. Oost-Friesland , in de deelstaat Nedersaksen, is 3442 vierkante kilometer groot. (de Nederlandse provincie meet 3349 vierkante kilometer) en telt 465.000 inwoners. (Friesland 645.000 inwoners) “De regio kenmerkt zich door een landschap dat voor Duitsland erg afwijkend maar voor Nederlanders en Vlamingen vrij herkenbaar is, vlak met veel weilanden” meld wikipedia, de internet encyclopedie.“We hebben dezelfde cultuur” zegt Jager. De oude banden blijken ook uit het provincie wapen van Groningen, dat uit vier vlakke schuine blauwe en witte banen met daarin elf pompeblêden, “die ze bij ons hartjes noemen”. De blauwe banen staan symbool voor de Ommelanden (it âlde Frysenlân om Grins hinne), de hartjes voor de elf Onder Kwartieren. Hoe het ook zij, een brug of tunnel (over of onder) de Eems zou twee havensteden met veel industrie (Delfzijl, chemie, Embden, volkswagenfabrieken, scheepsbouw) aan elkaar verbinden. Verderop in Duitsland liggen interessante steden als Leer (34.000 inwoners) Oldenburg (159.000 inwoners) en Wilhelmshaven (80.000 inwoners) Zowel in de Nederlandse als in de Duitse politiek wordt bekrompen gedacht als het over het Noorden gaat. Voor de Nederlandse regering houdt het bij de grens op.

Dizze ôfstânferkoarting hat foar ús Fryslân (en dus ek foar BERLTSUM) yn it ferline ek in goede saak west mei de oanliz fan de Ôfslútdyk. Op 28 maaie 1932 waard it lêste gat ticht makke. Den Helder, Amsterdam etc. wienen dêrtroch in stik tichter by Fryslân kommen te lizzen. Myn soan Anne reizget no deistich foar syn wurk nei Den Helder ta. Earder hie hy de hiele Súdersee omride moatten. De skieding fan Fryslân en West- Fryslân (Noard-Hollân) troch de Sint Luciafloed fan 14 desimber 1287 hat oant 1932 ta duorre.

Rikus Jager