JO SILLE MAR EARM WÊZE

Yn de kuorkesteech, (korfjessteeg) hie de DIAKONIJE yn de 18e ieu 5 diakonijewenten, ek wol keamers neamd. Te berikken troch no “It Steegje” yn de Buorren tusken de húsnûmers 35 en 37. De steech rûn oan de feart ta. De huzen hienen útsjoch op de Koerkaai(en) (Korfjeskade(n)) mei op it ein in mannichte eskebeammen. (No it Dok neamd.) Dy waarden bewenne troch Berltsumers dy it net sa rom mear hienen yn de ponge. Yn 1774 wienen de huzen tige ferfallen. Ien hûs waard yn 1783 sels alhiel wer nij opboud. Mr. (skips)timmerman Klaas Teakes moast de wenten wer wat opkallefaterje. Sikke Beerns (Faber), mr. smid, levere it izerwaar en Sybren van Gelder mr. tichelder de stien. Dizze tige âlde huzen binne oan it ein fan de 19e begjin 20e ieu (1905) oernommen troch de Wenteferiening fan de gemeente MENAMERADIEL. Dy hat de ferâlderde wenten (keamers) ôfbrútsen en der (om 1907 hinne) wêr in streek nije gemeente-wenten bouwe litten. Op it ein fan de twadde helte fan de 20e ieu binne dizze 5 huzen ek al wêr ôfbrutsen. Hjir wennen yn it lêst oan û. o. de húshâlding fan Lieuwe Koning, de widdo Hieke van der Leij - Tolsma, de húshâldings fan Jan Horatius Postma (Jan en Pleun), Pieter Boate ’s Algra (Pieter en Feikje) en Gerben Faber. (Gerben en Tryn) Ek hie de diakonije foarhinne û. o. huzen op de Kamp stean wêrûnder ien foar de bûtenearmen, yn de Buorren, op de Terp, by de Piip, de Andringasteege, en yn de Lytsebuorren, mar ek lân en hôf op ferskate plakken yn en bûten it doarp. Dan wie der noch de diakonijehelling mei de houten loads en hûs op de Kamp, dy ’t ferhierd west hat oan û. o. Wytse Johannesz. de Haan, Syds Johannesz. Bijlsma en as lêste oan de van Manens. Ate Teake ’s (Bijlsma) wenne oan de Foarstrjitte (de “brede” Buorren). Hy wie hellingbaas / fearskipper en hierde dêr ek twa diakonije wenten *). Yn 1796 moast de Diakonije 1/6 fan al harren ûnreplik guod en effekten ferkeapje op lêst fan in Beslút fan de Provinsje Fryslân d. d. 6 -10-1796. Dit jild hie de provinsje nedich om de oarlochfiering betelje te kinnen. Winkellju lykas Jeremias Reins (Quarré, berne om 1723 hinne) leveren it winkelguod oan de earmen. Mr. bakker Klaas Hemkes (wenjende oan de Foarstrjitte mei eigen hûs, skiphús en eigen havensje efter hûs, no de ‘brede’ Buorren) bgl. it brea. Rein Willems - en Klaas Klases (de) Geele de klean, Master kleanmakker (en burdskearder) Heerke Jans Wiglenhuizen makke de maatklean. Age Lammerts levere it skieppefleis, en sa binne der wol mear nammen te neamen. Ek it burdskearen fan bgl. Heere Jeremias Quarree waard betelle troch de diakonije. As syn pakesizzer Tryntje Quarree in nij himd foar him makket, wurdt dit ek wêr deklarearre by de diakens. Mr. sirurgyn Johan Andreas Kissel (* en syn opfolger yn 1784 t. w. Barteld Klases Hoogterp koenen de rekkens foar masterslean en medisinen nei de diakonije stjoere as de doarpsearmen holpen wurde moasten. Jan Feyes, fan berop turfskipper, levere de turf om de kachel brânende te hâlden yn de wintertiid. De rendant Pytter Douwes gie gauris by de doarren lâns om jild en ielmissen op te heljen foar de earmen. Jacob Dedde ’s (Appelhof, berne om 1728 hinne) wie yn 1778 diaken, en Dooitse Dedde ‘s (Appelhof), syn broer, siet tagelyk mei syn mem Teatske Dooitses yn in diakonijekeamer. Ryk en earm hjir moetsje inoar. De ferskillen wienen grut. Douwe Eeltje ’s Schiphof wie earmfâd en Hans (Sybren ‘s) Faber, mr. bakker yn de Buorren (tsjinoer no stienhouwerij DUVA no húsnûmer 72a ) bgl. wie diaken, om samar in pear nammen te neamen. It wienen meastal selstannigen dy ’t diaken wienen of tsjerkfâd / earmfâd. Hjir is de (boarger)stân út ôf te lêzen. Ek oan de pastorije waard bytiden oankloppe. Sa hat dûmny Petrus Nota ris goedkard dat de rendant bgl. in jelmis of reis-pinning jaan mocht oan in earme frou út de Paltz (**, mar hja moast earst wol har attestaasje bewiis sjen litte, dat hja lidmaat wie fan de Grifformearde tsjerke dêr. Itselde barren fûn plak mei in earme man dy ‘t mei syn attestaasjebewiis oantoane koe, dat hy “út it Joadendom oergien wie nei it Kristendom”. Yn 1898 waard de 36 jierrige Bauke D. troch de ryksfjildwachter Teade Laagland oppakt omdat hy sjoen hie dat Bauke D. om jild skoaide en ek daadwerklik krigen hie fan herberchhâldster, de widdo Symentje Aukes Miedema op 7-7-1844 troud Berend Klazes Osinga, wenjende op no It Skil en fan Bouke Wiersma dêr. It biddeljen wie ferbean en bidlers waarden strang straft as hja op ‘e died betrape waarden. It wienen geunsten oan de earmen, hja hienen noch gjin rjochten. Jo sille mar earm wêze!

Fuotnoaten:

*) Fan de seis wenten op it Dok (destiids de Koerkaai neamd) wienen 4 fan ‘e Diakonije en 2 fan ‘e earmfâldij. Sa docht it my foarkommen dat dizze ferhierd waarden oan boppeneamde Ate Teakes (Bijlsma). It wienen yn elts gefal seis earmenwenten.

(* Mr. Sirurgyn J. A. Kissel wenne destiids op it plak no Buorren húsnû. 84. (seksje A 789 en 790) Syn dochter Catharina wie earder op 1-5-1791 boaske mei Gustaaf Frederik Karl Kissel, sirurgyn by it 2e Bataljon fan it Rezjimint fan de Heere Baron van Brakel fan Harns. (in neef fan har?) en yn 1817 foar de tredde kear boaske mei Dirk van der Veen, keapman, en wenne letter yn Deinum oan de doedestiids, al yn 1507 groeven, saneamde Hârnserfeart tusken Ljouwert en Harns en is ferstoarn op 30- 6-1837. Hja hie ien soan t. w. Carl Paul Kissel, sirurgyn by in hospitaal, ferstoarn op 2 -3-1816, 20 jier âld. Dirk v. d. Veen is ferstoarn op 6 -12-1817. Hja ferhierde yn 1837, it doe saneamde keapmanshûs, oan trije gesinnen (!) t. w. oan H. J. Faber, C. Grovestins en H. D. Tilstra foar fl. 114, - yn it jier. Hjir wenje no Sjoerd Hobbe ’s Terpstra en Jeanet (Janke) Marten ’s Hylkema mei de bern. Yn Ljouwert besiet hja ek noch 19 huzen, yn Húzum 2 huzen en yn Marsum noch in houten hûs dy ’t allegearre ferhierd waarden. Sjoch ek 62.

Yn it hûs Buorren húsnûmer 83 hat destiids de BERLTSUMER mr. sirurgyn Klaas Bartele ’s Hoogterp wenne. (A 604 en 605)

(** De Paltz, in Dútske provinsje wêr ’t Frederic III. fan 1559 oant 1576 as Keurfoarst regearre. Hy wie ek in oanhinger fan Calvijn. Op syn oantrúnen is dêr de hjir letter ek brûkte Heidelbergse Kategismus ûntstien. (Dêryn is jammergenôch net folle te finen oer it Keninkryk fan God en it wurk fan de Hillige Geast) Yn BERLTSUM, sa blykt út de tsjerkeboeken, waard letter ek wol kollektearre foar de (earme Kalvinistyske) tsjerken yn ‘e Paltz.

L. C. 23-10-1802.

De Secretaris J. Mebius zal op donderdag den 28 October 1802, ‘s morgens om 11 uur, ten huize van de Juffrouw Catharina Kissel te Marssum, by boelgoed en gereede Gelden Verkopen: een Cabinet, een Laadtafel, een Boekkast, Stoelen, Tafels, Spiegels, Schilderijen, Gladmangel, 2 à 3 Bedden met hun toebehoren, en eenige Chirurgicale instrumenten, en verdere meubilaire goederen, die tevoorschijn zullen worden gebragt.