FAN BRÂNKLOK EN BRÂNSPUIT

Op 13 septimber 1887 waarden de ynwenners fan BERLTSUM en WIER opskrikt troch it lieden fan de brânklok. De boerepleats fan J. Schat, “Sparrenheining” neamd, steande ûnder Sint Jabik oan de Wiersterdyk tusken BERLTSUM en WIER stie yn flammen. De pleats wie krekt foar 1854 boud en dus noch net sa âld. De brânspuit fan BERLTSUM wie ûnder oanfiering fan brânmaster Boomsma haastendaliks op de pleats oanwêzich en dêrtroch mocht men dêr yn slagje om it wenhûs te behâlden. De skuorre mei hea en nôt is totaal ôfbaarnd. Om 6 oere lei dizze alhiel yn pún. Tinklik wie heabroei de oarsaak. It gebou wie fersekere by it eardere saneamde Kanton Hallum. Fiifentweintich jier letter, yn de moanne febrewaris fan it jier 1912 bruts op de pleats wer brân út. No wenne oant 1927 op de pleats syn soan L. J. Schat. Syn heit wenne ûnderwilen yn Ljouwert yn de Skrâns. De brân wie ûntstien op de heasouder troch it útinoar springen fan in lantearne. De hiele skuorre baarnde út. Allinnich it wenhûs (it foarhûs) koe wer behâlden wurde. De skuorre is wer opboud ûnder tafersjoch fan âld-timmerman F. J. Rolsma. Op de pleats wennet no de Berltsumer waarme bakker Jan Sjoerd Wijnsma mei syn gesin. De oanlieding ta de oanskaf fan in brânspuit yn BERLTSUM wie yn de jierren dêrfoar it folgjende: Yn april fan it jier 1874 wie by bakker Sjoerd Reinder ’s van der Pan, wenjende op de Krússtrjittehoeke / It Skil, yn it berghok fan turf en takkebosken brân útbrutsen. Van der Pan wie yn 1872 bakker J.(elte) G.(errit’s) van Temmen opfolge en dizze wie syn skoanheit Reinder Jan ’s Hoekstra wer opfolge. De brân krige in driigjend oansjen, foaral omdat it doarp ticht beboud is en in brânspuit noch ûnder de net sa nedige wielde artikels rekkene waard. Dochs slagge it, de brân master te wurden omdat it wynstil wie en ...... ....... troch de bewûnderingsweardige en iverige wurksumens fan in protte boargers. De geunstige ôfrin ferhûge it folk mar joech wer ris oan dat it needsaaklik wie om dêr no ekris wat oan te dwaan. Hja moasten no ris ynsjen dat foar in doarp fan 2000 ynwenners in brânspuit gjin oerstallige lúkse wêze soe of oare brânblusmiddels. Moast earst hurde wyn blykje, dat it gefaar grut is? Sa waard der sein. Yn datselde jier 1874 waard in gearkomste holden om hjiroer te praten. In te ferwaarleazjen brântsje is der ekris west yn it efterhûs fan bakker Paulus Weslingh Lublink, no bekend as Buorren nû. 53. Dizze bakker wie ôfkomstich fan it Amelân. Dit hûs is al hiel âld. Om 1700 hinne wenne hjir in Durk Eelckes en om 1800 hinne wie dit Willem Jan ‘s Spoelhof, hy wie túnker/hôfker en hie nochal wat stikken lân en hôf yn en om BERLTSUM hinne. Hy komt út de sibbe Rein Willem ’s Spoelhof dy ’t hjir berne is om 1722 hinne en troud wie mei Lysbet Freerks. Dizze man wie hjir doe ek al hôfker en keapman. Rûnom it hûs wie hôf en oan de Westkant wie in reed dy ’t rûn nei de haven oan de doarpsfeart ta, no bekend as de Bûterhoeke wêroan de huzen de húsnûmers 2 oant en mei 14 steane en Buorren húsnûmer 1. Neist it hûs Buorren húsnûmmer 9 wie in ynstekhaventsje mei in skiphûs, fan âlds eigendom fan Rixt fan Donia dy ’t boaske west hat mei Watse fan Cammingha en letter troch fererving yn hannen kommen is fan Baron fan Schwartzenbergh thoe Hohenlansberg. Rixt fan Donia wenne yn 1673 as widdo fan Watse fan Camminga yn Menaam en de preekstoel yn de tsjerke dêr is in geskink fan har. Op ien fan de stokken fan de tsjerkepongen sit in sulveren plaatsje mei ûnder oare de letters R.V.D. Dit moat ek wol in skinking fan har west hawwe. Niisneamde Willem Jan ’s Spoelhof wie ien fan de foarpakes fan Wieger, Ids, Willem en Simon Tjibbele ’s Terpstra. BERLTSUM hat doe letter dan ek, al wie it 6 jier letter, yn 1880, in eigen troch de Firma Belder yn Amsterdam boude brânspuit krigen. De spuit wie stalt yn in (ynboud) brânspuithok efter yn de eardere iepenbiere skoalle dy ’t stien hat op de hoeke fan de Hôfsleane/Skoallestrjitte. Yn 1882 op 14 novimber wurdt troch notaris Geijtenbeek buolguod hâlden fan de ynventaris fan it Evangelisaasjelokaal en fan de ÂLDE BRÂNSPUIT fan de tsjerke. De widdo fan Sjoerd Wopke ‘s Osinga (Titia Tetmans Dijkstra) blyk noch en foardering te hawwen op dizze spuit. Dit wie de tsjerkebrânspuit út 1842. Yn 1912 krijt BERLTSUM de earste gemeentlike motorbrânspuit mei in kapasiteit fan 300 liter per minuut. No binne wy al wer hiel wat jierren op Menaam en Marssum oanwezen. Yn it hûs Buorren húsnûmer 11 (earder neamd) wennet no it gesin fan Frans Rob. (Frâns en Jelly). De tsjerke fan BERLTSUM hie dus al folle earder om 1842 hinne in BRÂNSPUIT oanskaft, mar hat letter oan de oanskaf fan de nije doarpsspuit ek wer meibetelle. By de lêste restauraasje (1972 - 1980) is it brânspuithokje oan de efterside fan de tsjerke en it dêr neiststeande saneamde (op)bierhokje wer ôfbrutsen. De lêst brûkte hânbrânspuit fan BERLTSUM waar troch de gemeente Menameradiel oan de gemeente Epe ferkocht foar fl. 150,- (sa blykt út de L. C. fan 25-2-1914) Yn 1923 hat de gemeente MENAMERADIEL in automotor- spuit oankocht fan masinefabryk J. & H. W. van der Ploeg te Apeldoarn en fan masinefabryk “Concordia” te Midwolda is in fjouwertsjillige motorbrânspuit oankocht tsjin ynruiling fan twa âlde hânbrânspuiten.

L. C. 10-4-1874.

Brandspuit BERLIKUM.

De eigenaren van huizen te BERLIKUM, welke hunne belangstelling getoond hebben of noch wenschen te toonen in het aanschaffen van eene goede brandspuit, ten dienste van het dorp BERLIKUM, worden bij deze uitgenoodigd tot eene onderlinge bijeenkomst, op Donderdag den 16 April e. k. des avonds te 7 uur bij den Kastelein Klaas B. Osinga aldaar, om over den aankoop en de regeling der brandspuit te spreken.

De voorlopige commissie.