Op 28-12-1772 waard troch de Herfoarme tsjerkfâden de opbou fan in nije kosterswente oanbesteege te BERLTSUM. Tsjerkfâden wienen op dat momint Evert Anne ’s Nauta, kastlein yn “Het Wapen van Vriesland” en Willem Meinderts (Boomsma), intenier, de soan fan wijlen Meindert Lolkes, ek intenier te BERLTSUM. Op deselde dei fan de oanbesteging wurdt de âlde “costerije” ferkocht. Yn de âlde kosterij wenne op dat momint de skoalmaster Sytse Annes Ypey. (Hy wie hjir om 1775 ek earmfâd) De betinkingstien dy ’t doe yn dizze nijboude kosterije sitten hat, is no yn de binnenmuorre fan de Koepeltsjerke mitsele flak efter de sit fan de koster(es). It soantsje fan Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg hat op 10- 5-1773 de earste stien lein. Hy wie 7 jier, 3 moanne en 14 dagen âld. Krekter koe it net, tinkt my. It memoarjestiensje fan wer dy foargeande skoalle (costerije fan 1617 yn it eardere saneamde skoalmastershôf, no it nije diel fan it tsjerkhôf) siet yn de muorre fan dy nije en doe letter wer âlde skoalle en sit no yn de reade bûtenmuorre fan it Herfoarmd Sintrum mitsele oan de tsjerkhôfs kant. Op it tsjerkhôf is doe ek in skoalpaad oanlein. De bern boarten op it tsjerkhôf, dêr wie ommers romte genôch om te boartsjen.
Iepening Herfoarmd sintrum op 21 maart 1953
Yn 1908 is hjir neist dy wer âlde skoal-wente, oan it tsjerkepaad, it doe nije konsistoarjegebou delset foar yn totaal fl. 5385,- It gebou is no lykas de tsjerke byldbepalend yn ús doarp en in monumint wurden. Op 21- 3-1953 is de fernijde en fergrutte “konsistoarje” iepene. It diek de namme no net mear. It wie in lokalen (sealen) sintrum wurden. It krige de namme “Het Hervormd Centrum” Trije timmerlju hawwe dêr meiinoar oan boud t. w. Pieter Lolke’s Lolkema, Popke Dooitje ’s Schram sr. en Pieter Douwe ’s van der Zee. De pastor loci, dûmny Romke Byl, spriek it iepeningswurd en ferskate persoanen dêrnei krigen it wurd ûnder de gearkomste. It konsistoarjegebou fan de Minniste gemeente is doe sa lang troch de Herfoarme tsjerke brûkt. It strykorkest u. l. f. Pieter Faber spile in pear moaie muzyknûmers en soarge foar de begelieding fan it sjongen fan de mear as 400 (!) oanwêzigen. (De brân fan Volendam moast noch útbrekke.) De Kristlike muzykferiening “de Bazuin” ferliende ek de meiwurking. Nei de pauze waard de film “Het is midder-nacht dr. Schweitzer” fertoand. It gebou is koartlyn alhiel wer opkreaze en der is ek in pear jier ferlyn (1999) noch in aula oan fêstboud. It fersyk destiids fan Grifformearde side om it gebou tegearre te brûken en te eksploitearjen waard doe fan Herfoarme side fan de hân wezen. No is it yn mienskiplik P. K. N. gebrûk, 56 jier letter. Dit hie nimmen tocht. Hoe is it mooglik!
JURJEN OCKKES (OCKKENS)
Kerkrekenboek BERLIKUM 1773. Betaald aan Jurjen Ockkes Mr. Metselaar te Harlingen, als aanneemsom van de Nieuwe Schole Huisinge alhier, op 15 juni het eerste termijn ad fl. 400,-, op 27 augustus de tweede termijn ad fl. 400,- en op 23 september de derde en laatste termijn ter somma van fl. 350,-, dus op die 3 tijden tesamen fl. 1150,- weegens leverantie van alle steen, kalkhout, izer, grondverf en andere materialen, sampt de geheele arbeidsloon van voorzeide Nieuwe Huisinge voor de som by publieke opveilinge op de 28 december 1772 aan hem aanbesteed met nog 1 gulden en 18 stuivers voor een restie overgebleven kalk, dus geheel fl. 1151,18. Yn it Kwotisaasje Kohier 1747 wurdt Jurjen Ockkes neamd as mitseler, “gering bestaan” mei in oanslach fan 013-01-00. Jurjen hat yn de perioade 1764-1780 weesjonges yn tsjinst, dy’t by him it fak fan mitseler learden. Hy krige hjirfoar in fergoeding fan it Weeshûs. Jurjen Ockkes wied berne te Boalsert op 4-4-1722 en die belidenis te Harns op 28-1-1745 en wenne dêr yn “ ’t Poortje”. Hy is trijeris troud west. Yn 1802 keapet hy in hûs te Harns. Yn it Qutisaasjekohier fan 1747 wurdt hy oanjûn as: metselaar – “gering bestaan” aanslag 13-01-00
DE LYTSE KONSISTOARJE.
De lytse tsjin de Koepeltsjerke oanboude konsistoarje is yn 1924 boud troch oannimmer Pieter Lolke ‘s Lolkema. It wie syn earste klus as selstannich ûndernimmer. Ûnder dit geboudsje is by de bou doe in djippe kelder makke foar de doedestiids moderne sintraleferwaarming fan de tsjerke. No is it flier ferwaarming wurden.
L. C. 3-6-1908.
De Kerkvoogden der Nederlands Hervormde gemeente te BERLIKUM wenschen aan te besteden: Het afbreken van DE BESTAANDE en het bouwen van een CONSISTORIE GEBOUW met drie lokalen aldaar.
F. J. Rolsma.
Architect te BERLIKUM.
(Is it gebou oan it tsjerkepaad, destiids “de Grutte Konsistoarje” neamd en is no it “Herfoarmd Sintrum”, it jiertal 1908 stiet yn de muorre. De “Lytse Konsistoarje” is dus it yn 1924 tsjin de tsjerke oanboude geboudsje.)
L. C. 2-3-1953
Ned Hervormde consistorie in BERLIKUM wordt vergroot.
Reeds vele jaren zat de Ned. Hervormde gemeente te BERLIKUM met een tekort aan plaatsruimte voor vergaderingen. De Consistorie (út 1908) had wel drie lokalen maar deze konden, als er meer vergaderingen waren, niet tegelijk gebruikt worden. In een gemeenteavond is thans besloten de Consistorie aanzienlijk te vergroten, zodat er meer vergaderingen op één avond kunnen worden gehouden. Door combinatie van zalen, kan één grote zaal verkregen worden, plaats houdende voor ruim 400 personen.
L. C.13-8-1953.
VRIJWILLIGERS bikken stenen voor vergroting Nederlands Hervormde Consistorie in BERLIKUM.
Met de verbouwing van de Consistorie der Nederlands Hervormde Gemeente te BERLIKUM is een aanvang gemaakt. De twee huizen, (foarhinne de âlde skoalle) die aan de consistorie grensden, zijn afgebroken. Vrijwilligers zijn bezig de stenen hiervan die weer gebruikt kunnen worden, af te bikken. Iedere avond kan men een 25 personen aan het werk zien.
(Dit stienbikjen wie op it terrein fan de foarhinne de âlde mûne “De Hoop” op it ein fan de Bûterhoeke. It gebou krige nei de ferbouwing (fergrutting) de namme: “Het Hervormd Centrum.”)
L. C. 11-11-1954
De echtgenote van de heer D. J. van Dijk te BERLIKUM kwam dicht bij haar woning zodanig te vallen, dat ze een been brak. Zij is voor verdere behandeling naar een ziekenhuis te Leeuwarden vervoerd.
L. C. 23-1-1954.
“Dorcas” BERLIKUM zestig jaar.
De Hervormde vrouwenvereniging “Dorcas” te BERLIKUM vierde haar 60 jarig bestaan. Door de verbouwing van de Consistorie tot Hervormd Centrum, kon dit niet op de juiste datum (4- 9-1953) plaats vinden. In een revue werd het verenigingsleven van de afgelopen 60 jaar weergegeven. Mw. Runia – Anema (de vrouw fan Tsjeerd Theunis Runia), ere-presidente, die dertig jaar lid is, kreeg bloemen.
L. C. 13-3-1959.
Hervormde vrouwenvereniging BERLIKUM: ledental 48. Voordelig saldo. In het bestuur werden gekozen mevr. Tj.(itske) Sjoerdma - Quarré, (vice presidente) mevr. S.(eeske) Plantenga - Hek, (penningmeesteres) en mevr. A.(nna) Osinga – Stavinga. Na het zakelijk gedeelte bleef men nog enige uren in feestelijke stemming bijeen.
-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
DE BERLTSUMER FROULJU ’s FERIENING OP REIS.
Bussjauffeur Klaas Tiedes Tolsma wie ris mei de froulju ‘s feriening op reis.
Nei in kertier al waard hy op ‘e skouder tikke.
Ien fan de froulju, Aukje, bea him in hantsjefol apenúten oan.
Nei it betankjen plúze Klaas de nútsjes lekker op.
Wer in kertier letter stie Pietsje efter him mei in hânfol apenúten.
Dit gie wol acht kear sa troch.
By de njoggende kear frege Klaas, “Werom ite jimme de apenúten sels net op?”
Wêrop de dame sei, dat dit net koe fanwegen harren keunstgebitten.
Freget Klaas wer, “Werom keapje jimme se dan?”
Wêrop de dame antwurde: “Wy fine de sûkelade, dy ‘t dêrom hinne sit, sa lekker”.
Dit is my oerlevere troch ien fan de froulju fan de froulju’s feriening “Dorcas”en lykas alle manlju wol witte: Froulju liege nea!
------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
L. C. 9-1-1773.
Dr. Mebius, Secretaris van Menaldumadeel, zal op Maandag den 11 Januari 1773 by Provisionele Palmslag, precys twee uur na Noen ten huize van Castelein Hendrik Everts Huiving te BERLICUM, verkopen: De oude Kosterije Huizinge in gemelde Dorpe, by de Schoolmeester Ypeï wordende bewoont en gebruikt; waarop geboden is 260 g.gls.
(Dit is de skoalle destiids steande oan de Westkant fan it tsjerkhôf by it haventsje yn it doe saneamde skoalmastershôf. De oerbleaune fundaminten fan dizze, nei alle gedachten, âlde skoalle lizze no noch djipper ûnder de grûn nei it opheegjen fan de grûn by de oanliz fan it nije part fan it tsjerkhôf. By it rooien fan de beammen dêr om in part fan it tsjerkhôf by de oaliz kamen âlde fundaminten tefoarskyn. De grûn (it âlde skoalmastershôf oan de west/súdwestkant fan it tsjerkhôf) is letter yn 1868 werom kocht fan de widdo fan Johannes Lodewijk de Lazu. )
L. C. 12-12-1772.
De Kerkvoogden van den Dorpe BERLICUM, Evert Anne ’s Nauta en Willem Meinderts gedenken met Voorkennis van den Heere Grietman van MENALDUMADEEL, publicq den meest aanneemende te besteeden, de opbouwing van een nieuwe Kosterije Huizinge aldaar, (de doe nije skoalle fan 1773 op it plak wêr ’t no de aula stiet yn de Bûterhoeke op de Noard-Eastkant fan it tsjerkhôf) mitsgaders de leverancie der benoodigde Materiaalen. Die hier aan gadinge maakt, koome op Maandag den 28 December 1772 ‘s namiddags precys te één uur ten huize van den Castelein Hendrik Everts, en neeme dit Werk aan op Conditien als daar voor te lezen, kunnende het Bestek inmiddels gezien worden by de gemelde Kerkvoogden van voorschreven Dorpe.
DE EARSTE STIENLIZZING.
De earste stienlizzing fan de âlde skoalle wie op 10- 5-1773 troch Jkhr. Georg Wolfgang Carel Duco Baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. In neikommeling fan him mei deselde foarnammen, mar no mei de efternamme KAN, wie noch yn it besit fan in SULVEREN TROFFEL dy ’t foar dizze gelegenheid makke wie, mei deselde tekst dêrop as op de memoarjestien. Hy hat dizze TROFFEL yn 1999 oan de tsjerke skonken. De memoarjestien lei as flierstien yn it no ôfbrutsene opbierhok, wat efter tsjin de tsjerke oanboud wie. Yn de oare helte fan dit hok stie de tsjerke brânspuit. De stien is nei de restauraasje fan 1970 - 1980 yn de muorre efter it sitplak fan de koster mitsele. De stien is yn de tiid fan de Patriotten nei alle gedachten út de muorre fan de skoalle helle. De âldste skoalle (hjir stiet no de aula en de nije opskoode garderôbe fan it Herfoarmd Sintrum) waard, foar de bou fan de konsistoarje op it doe troch de koster brûkte grientetúntsje oan it tsjerkepaad, yn 1908, foar de iene helte brûkt as konsistoarje, fergaderromte, kategisearkeamer, bewaarskoalle ets. De oare helte waard troch de (help) koster/oppasser yn de buorfinne, bewenne. Dit wie al wer de tredde skoalle nei dy fan 1774. Nei syn pensjonearring yn 1904 (syn rykspensjoen wie fl. 834,-) wenne master Jan H. Groenewold yn in hûs oan de Tichelersdyk, no Kleasterdyk 1. De lêste bewenners fan de âlde skoalle, as skoalmaster, wienen master Heerke Willem ’s Dijkstra en noch foar in part, master Romke Meindert ’s van Reenen dy ’t hjir tige jong ferstoarn is. Mr. Heerke W. Dijkstra, de sn. fan Willem Jelles Dijkstra op 6-1-1757 tr. m. Geertje Heerkes, wenne hjir letter, as eigner oan syn dea (5-9-1859) ta, yn it poarte gebou d’ Aumale.
L. C. 15-3-1844.
BERLIKUM, den 9 maart 1844. Heden morgen te 5 ½ ure, overleed; na eene kortstondige ziekte van slechts eenige dagen, mijne waarde Echtgenoot IJTJE HENDRIKS van der MEER, in den ouderdom van bijna 65 jaren, na eene echtvereeniging van ruim 43 ½ jaar.
H. W. Dijkstra.
MEI IEN FOET YN IT GRÊF.
In protte froulju stoaren yn it kreambêd of koart nei de befalling oan kreamfrouwekoarts. Myn heit sei ris tsjin my “eartiids seinen se, as de froulju trouwe steane hja fakentiden al mei ien foet yn it grêf ”.
Samar wer twa gefallen út de Ljouwerter Krante fan 1844, beide fan 15 maart:
L. C. 15 -3- 1844.
Heden middag omstreeks twee ure, overleed mijne geliefde Echtgenoot SJIEUKE van DIJK, in een bloeijende leeftijd van bijkans 24 jaar. Na eene allergenoegelijksten Echt van ruim elf maanden, laat zij mij een Kindje van slechts veertien dagen na.
Leeuwarden, den 10 Maart 1844.
Jan T. Born.
Loodgieter en leidekker.
L. C. 15-3-1844.
ALGEMEENE EN BIJZONDERE KENNISGEVING.
Heden avond ten 7 ¼ ure, overleed mijn innig beminde Echtgenoote SIETSKE SIJTSEMA, oud ruim 22 jaren, na eene echt van slechts 9 maanden.
BERLIKUM, den 20 Maart 1844.
J. E. Fokkens.
(Is Sytske Geerts Sytsma. Johannes Ernestus Fokkens wie hjir horloazjemakker.)