EAT OER DE GRUTTE TSJERKEKLOK FAN DE ÂLDE BERLTSUMER KRÚSTSJERKE “SINTE MICHAËL”.

Yn de yn 1777 ôfbrutsene krústsjerke hongen twa klokken yn de swiere sealtektoer. In grutte- en in lytse klok. De lytse (froulju’s) klok hinget no yn de lantearne fan de Koepeltsjerke. De grutte (manlju’s) klok hat eartiids noch jierren op it tsjerkhôf stien. Dizze is yn 1663 getten troch de Fryske klokkejitter Jurjen Balthasar út Ljouwert (berne te Zwickau) en hinget no yn de “Konkordiën” Kirche te MANNHEIM. Dêrop steane hiel wat wapens wêrop ûnderoare it wapen fan de âld-BERLTSUMER dûmny Nolle Haijes (Nollius Hajonides) dy ’t hjir stien hat fan 1658 oant 1666 ta. Ek komt hjirop foar de namme fan Claes Ruirds van Schellingwou, eartiids húsman (boer) te BERLTSUM op de pleats “Schellingwou”, en doedestiids tsjerk- en earmfâd. Op dit plak wennet no Klaas (Johs. ) Zijlstra op de nijboude pleats “Skilwolde” oan de Jetskereed húsnûmer 3. Hja sille allegear wol oan de grutte klok meibetelle hawwe, tink ik.

Út in ferhanneling fan master J. Groenewold, eartiids haad fan ‘e iepenbiere skoalle hjir yn BERLTSUM en û. o. ek koster, oargelist etc. fan de Herfoarme tsjerke, fertelt hy, dat de grutte klok ferhúze is fan BERLTSUM nei Mannheim oan de Ryn en dat de klok ferkocht wurden is foar it doedestiids grutte bedrag fan fl. 1200, - en dat út oerlevering troch him bekend wurden is, dat de grutte klok ophelle is troch in man út Frjentsjer mei in wein, wêrfoar sân hynders spant wienen. Âlde minsken yn BERLTSUM fertelden dat hja de klok oarspronklik net misse woenen. Tweintich jier lang hat de klok dan ek op it tsjerkhôf stien as in stil ferwyt oan it foarskaai, dat hja de oer âlde Krústsjerke mei de swiere sealtektoer fan tufstien ôfbrutsen hienen en dêr net wer in lykweardige en behoarlike klokketoer foar yn it plak komme lieten.

(De Vrije Fries. No. 21 (1911) Een torenklok van Jurjen Balthasar, vroeger te BERLIKUM (Fr.) thans te Mannheim door Mr. P. C. J. A. Boeles de conservator fan it Frysk Museum. Sjoch ek de L. C. fan d. d. 27-5-1911.)

Doe kamen de minne jierren 1796 en 1797, 1/6 fan de eigendommen fan de tsjerke en dernei jitris 1/5 fan de rest fan de besittings, dus 1/3 fan it gehiel, waard troch it Provinsjaal Bestjoer opfoardere om de oarloch betelje te kinnen. Hja gienen yn dy meagere jierren beseffen wat in wearde dêr mei dizze klok rinteleas op it tsjerkhôf stie, en dat al tweintich jier lang! En sa kaam einliks út need it beslút, dit prachtige Berltsumer erfstik te ferkeapjen. Mannheim hie mei it bombardemint fan 1795 (Napoleontyske oarlogen) syn toer en syn klokken ferlern en koe by de weropbou fan de toer noch poerbêst de ôfdanke grutte tsjerkeklok fan BERLTSUM brûke. En sa bingelt no oer de Ryn it lûd wêr ‘t dy Berltsumers fan doe sa ûnwennich fan wienen.

Noch eat oer de klokke- en de kanonnejitter Juriën Balthazar. Hy hie syn jitterij op it plak wêr ’t yn 1660 in bûten gebrûk stelde Roomske tsjerke stien hat, dizze tsjerke wie syn wurkplak. De tsjerke stie even ten S. W. fan de Grutte tsjerke yn Ljouwert. De lytse no brûkte tsjerkeklok is getten wurden yn it jier 1593 troch Wilhelm Wegewart, klokke- en geskutjitter sûnt 1542 te Dimter, berne yn 1520 en stoarn yn 1602. Hy geat tusken 1561 - 1603) sân Fryske klokken. Syn omkesizzer Henrich, in soan fan Wolter Wegewart de broer fan Willem Wegewart (ferstoarn te Kampen yn 1622) geat tusken 1597 - 1619 achttjin Fryske klokken.

It râneskrift op de yn 1663 getten grutte klok :

“De wonder groote naeme myn - is de musyck der engelyn - en de als my raekt de bengel myn- soo geve ick myn geluijt daeryn”. (diameter 144, gewicht 1900 kg.) Slachtoan : cis 1

It râneskrift op de lytse (diam. 113 cm, gewicht 1074 kg) no oer BERLTSUM bingeljende klok :

“Mensche – als – gi – hoert – es – klockx – geslach – Denckt – op – stervens – dach -: Wilhelm –Wege - wart – goet – mi – int – iaer - 1593”. Toanhichte : fis Liedsysteem : rjochte as.

BOEK : Een torenklok van Jurjen Balthasar, vroeger te BERLIKUM (Fr.) thans te Mannheim. Auteur : Mr. P. C. J. A. Boëles te Leeuwarden. Gepubliceerd in 1911.

2018: Ûnder de Toer project: "De Klokken fan Berltsum"

MannenklokManheim.mp4

Het muziektheater De Klokken fan Berltsum is een dramatische muzikale vertelling over twee geliefden die door het lot uit elkaar werden gerukt maar nu – na eeuwen – eindelijk weer samen in Berltsum te horen zijn. Het verhaal brengt de tijd in beeld rond 1593 toen de klok werd gegoten door de Deventer klokken en bussenmaker Wilhelm Wegewaert. Hij maakte in de 80-jarige oorlog zowel klokken als ‘bussen’, dat zijn kanonnen. Het tweede verhaal gaat over de Franse bezetting rond 1798 toen de mannenklok werd verkocht naar Mannheim. Daarvoor had de klok ruim 20 jaar op het kerkhof gestaan omdat voor hem geen plaats was in de lantaarn op de nieuw gebouwde Koepelkerk. Op 30 maart 1943 werd de klok weggevoerd tijdens de Duitse bezetting om omgesmolten te worden voor de oorlogsindustrie. Dat is niet gebeurd en de klok keerde terug in 1946. In het vierde verhaal worden beide klokken herenigd in een bruiloftsviering in de Koepelkerk.

DIMTER.

Yn Dimter bloeide Willem Wegewart as jitmaster fan wa ‘t û. o. ek Warmenhuizen in klok besit mei it jiersifer 1595. Willem Wegewart (Wegeweart) klokke- en geskutjitter wie troch syn pake Wolter Westerhues oplieden. De Wegewarts komme nei alle gedachten oarspronklik fan Munster (Westfalen). Nei de dea fan Coenraad Anthony, de Haagske jitmaster waard Willem Wege- wart as sadwaande oansteld en nei syn dea is hy troch syn soan Coenraad opfolge. Hy (Coenraet) geat de grutte klok te Den Haach yn it jier 1647. Fan 1616 oant 1664 stie de sibbe Wegewart oan it haad fan de Haagske jitterij.

KAMPEN.

Yn Kampen wie ek in klokkejitterij fan in Henrick Wegewart, fan wa ‘t de berte– en stjerdei net bekend is. In soan fan him hat de jitterij dêr nei alle gedachten fuortset, want nei de dea fan de yn Amsterdan wenjende klokkejitter Gerrit Koster waard Henrick dêr as klokkejitter oansteld. Yn Noard-Hollân hat hy in protte werkstikken ôflevere. Yn Alkmaar hingje twa klokken yn de Sint Laurenstsjerke en yn it Aksynshûs, getten yn 1630 en yn 1628 troch Kilyanus Wegewart te Campen.

DE FOARSLACH FOAR DE OERESLACH.

Yn de ier-kristlike tiid hie men gjin oerwurken. It begjin fan de tsjerketsjinsten en de tiden fan it gebed moast de tsjerkeklok dus oanjaan. Letter kamen de oerwurken. Dêrmei regele it lieden ek it deistich libben, de wurktiden en iterstiden. Dit bleau sa ek nei de Reformaasje. Mei klokken yn elts hûs en in horloazje om eltse pols is in slaande tsjerkerklok net mear needsaaklik. Mar foartiids wie dat oars. Foar de midsieuske boere arbeiders, dy ’t fanút de stêd of doarp it lân optrieken, wie de klok fier bûten de stedsmuorren of it doarp te hearren. Foar harren wie it krúsjaal te witten HOE FAAK de klok sloech. Dêrom klonk foar de oereslach ek in foarslach : in warskôgings sinjaal dat oankundige dat de klok slaan sil. Earst bestie de foarslach út in pear toanen mei in oare bel, mar by in protte tsjerken yn de lege lânnen waarden dy letter ferfongen troch in deuntsje op in kariljon. It kariljon is typysk eat fan de lege lânnen. It komt foar yn Nederlân, België en Noard-Frankryk. As ik Joast Eysbouts fan de klokkejitterij “Royal Eysbouts” út Asten leauwe mei, komt dat troch de Frânske bruorren Peter en François Hemony. Hja wisten yn de 17e ieu de klokken sa te stimmen dat it bespyljen fan meardere klokken tagelyk net mear as wat gerommel klonk, mar dat der echt in melody mei te spyljen wie. Hja fêstigen harren yn Nederlân en stêden begûnen kariljons te ferkeapjen. Der ûntstie sels in wiere wedrin tusken de oanbuorjende stêden, sa wit Eysbouts te fertellen. “Hawwe jimme 15 klokken yn it kariljon?” “Dan meitsje wy der ien mei 20 klokken.” Foar lytse en gruttere doarpen lykas BERLTSUM wie dat natuerlik net wei lein. In protte doarpen moasten it mei in grutte en lytse klok dwaan. BERLTSUM hie destiids ek in grutte en lytse klok. No moatte wy it mei de oerbleaune lytse klok dwaan en dy is lang safier net yn de omkriten te hearren. (GOOGLE : De klokken fan BERLTSUM opfierd yn maaie 2018)

OERHINGJENDE TUORREN.

Net allinne Pisa, mar ek Ljouwert stiet bekend om de syn skeve toer. (1.86 meter út it lead) De Âldehou hat in hichte fan rom 39 meter, mei opbou 48 meter. It bouwurk hie rom 120 meter wurde moaten. Yn it doarpke Nijlân begûn de toer ek nei ien kant oer te hingjen, mar in timmermansfeint hat, troch in troch him útwurke plan ta it sa goed as wer rjochtsetten fan de toer, dizze tsjerketoer fan de ûndergong rêden. Foaral by stoarmen wie der grut gefaar fan ynstoarten, wat somtiden ek wol bard is. (Hallum, Anjum) De 14 meter hege toer fan Miedum (gem. Ljouwert) hinget 4.72 graden út it lead en is dêrmei de skeefste toer fan Nederlân.

Sa kaam de twadde hege, yn 1540 boude tsjerketoer fan Ljouwert, ek bryk te hingjen. De toer waard noch altyd troch de Ljouwerters “de nieuwe toren” neamd. Troch de desimber stoarmen fan 1883 kaam de toer noch skever te hingjen, dat gefaar drige. Der wie gjin jild om de toer fan de ûndergong te rêden, lykas yn Nijlân. Yn 1884 waard de Sint-Jacobstoer ôfbrutsen. It wie foar de Ljouwerters in grut gemis. Yn de toer siet in kariljon (*, dy ’t op Moandei, Woansdei, Freed en op feest- en heechtiidsdagen al mear as 25 jier bespile waard troch de Ljouwerter oargelist en kariljonist (muzykmaster/klokkenist) Wiebe Sartorius. Der siet in grutte klok yn mei it râne-skrift : Iure Leo dicor Leowardica culmina Circum Regio dinnumerans horus; nostro undique cives rugito horrisono ad flammas cogitur ad arma. Cornelis Waghenus me fecit anno MCCCCCXLL. (oerset: Mei rjocht wurd ik Liuw neamd. Ik brul rûn de spitsen fan de Ljouwerter dakken om, de oeren ôftel lende. Troch myn bjuster gebrul wurde de boargers fan alle siden ta de brân en yn de wapens roppen. Cornelis Waghenus hat my yn it jier 1541 getten.) Op de lied-klok stiet as râneskrift : Sanctus Petrus. Credo in Deum patrem omnipotentum creatorem celi et terre! Anno XVCXLIIII Johannes ter Steghe me fecit. (oerset : Hillige Petrus (is myn namme). Ik leau yn God de almachtige Heit, de Skepper fan himmel en ierde. Yn it jier 1544 hat Johannes ter Steghe my getten.) Nei de bou oan de Foarstreek fan de Bonifatiustsjerke yn 1883 (mei de heechste tsjerketoer fan Fryslân) en de Dominicustsjerke oan de Harnserstrjitwei krige Ljouwert der no twa hege (roomske) tuorren by. Wat by somlike Ljouwerter Calvinisten net yn goede ierde foel. (* it kariljon (12 klokken) sit no yn de koepel fan it Ljouwerter stêdshûs. Ljouwert hie oant 2011 ta in gemeentlike beiaardier)

De nei it Westen ek hieltyd skever oerheljende Berltsumer swiere sealtektoer fan de eardere Krústsjerke begûn tige gefaarlik te wurden, en ynstoarten waard op ‘en doer net utslúten. Miskien hawwe de swiere stoarmen yn 1775 op de 14de en foaral dy yn 1776 op de 21ste fan ‘e Slachtmoanne ek fan ynfloed west op it oerhingjen fan ‘e toer. Soe de grutte waaier op de tsjerketoer doe ek sneuvele wêze? De Grytman en tsjerkfâd de Baron van Schwartzenberg thoe Hohenlansberg fûn it net mear ferantwurdlik en tocht dat it dan mar better wie om yn BERLTSUM in hiele nije tsjerke bouwe te litten. Sa krige BERLTSUM yn 1779 mei de Koepeltsjerke syn nije gesicht. Yn ‘e foarm like de eardere Berltsumer krústsjerke mei de toer it meast op dy fan it doarp Wânswert.

(De meast skeve toer yn ‘e wrâld (5.07 % út it lead hingjend) stiet yn it Dútske, yn East Fryslân lizzende doarp Suurhusen. (yn de omkriten fan Embden) De oerhingjende toer stiet yn it Guiness Book of records.)

LIST FAN (GRUT)OERWURKMAKKERS YN FRYSLÂN.

Û. o. in Dirck Syts.zn te BERLTSUM (ek) as slotmakker wurksum om 1580 hinne. (Bron: Tsjerke fan WIER); In Casper Hanses de Wilde, berne/doopt om 1685 hinne, boaske mei Grietje Wybrens, ferstoarn tusken 1717-1726, wurksum tusken 1710-1717. (û. o. in reparaasje te Dronryp 1727); in Hans Caspers de Wilde, berne/doopt om 1711 hinne as soan fan niisneamde Casper Hanses de Wilde en Grietje Wybrens, troud mei Grietje Sybrandus TANIA, wenjende te BERLTSUM / Ljouwert, stoarn te BERLTSUM, wurksum tusken 1725-1768; in Jacob Bee(t)s te Frjentsjer, berne op 18-11-1717 te Frjentsjer as soan fan de slotmakker Bee(t) Tjeerds en Tietske Jacobs (bron : in rep. Zweins), op 25-5-1754 tr. m. Grietje HORATIUS LAUTENBACH, berne te BERLTSUM op 15-5-1729, doopt op 22-5-1729 te BERLTSUM, dochter fan Horatius Lautenbach (Raad) boer en beurtskipper tusken BERLTSUM en Ljouwert, en Trijntje Jurjens, mr. slotmakker/oerwurkmakker, stoarn te Frjentsjer yn 1772. Op 9-1-1740 ferkeapje oerwurkmakker Reiner Sybrens de Jong en syn frou Anna Cath. Slots te BERLTSUM foar 200 car. gn. in hûs oan Thomas Aebes, wolkjimmer dêr. (In Hylkje Hanses de Wilde tr. m. in Bouwe Spoelstra wenjende yn Ljouwert, wie hjir yn 1794 noch eigneres fan in hôf ûnder BERLTSUM.)

® Ao 1618 DE 15 FEBRVARY STERF / DE EERSAMEN MAN MARTEN CLAES Zo OVT 48 IAER /

Ao 1621 DE 18 MARTY STERF DIE / EERBARE WOPK IANS D HVISVROU VA MARTEN CLAES EN LEIT HIER BEGRAVEN / (Wopk Jans Schellingwou wie troud mei boppeneamde Marten Claeszn.)

Binnen de râne :

ANNO 1665, DEN 17 MAERT IS IN DEN HEERE GERUST / DEN EERSAMEN DIRCK DIRCKSX EN WAS OUDT / INT 74 IAER EN LEIT ALHIER BEGRAVEN /

ANNO 1669 DEN 7 NOVEMBER IS IN DEN HEERE GERUST / DEN EERBARN GRIETIE MARTENS EN OUT GEWEEST ONTRENT / 76 IAREN EN HEEFT MET DIRCK DIRCKSEN HAREN MAN / IN LEEVEN DIE TER EEREN GODES EERBAREN GELEEFT / ONTRENT 53 IAREN (EN LIET EERMEN DOOTSENDIE?) / ENDE LEIDT AL HIER BEGRVEN /

Marten Claesz. soan fan Claes Martensz. en Aeff Foppesdr. te BERLTSUM, troude Wopck Jansdr. Schellingwou, dochter fan Jan Jansz. Schellingwou en Grietie Ryuerdtsdr. Bans te Frjentsjer. Dirck Dircksz. soan fan Dirck Lourensz. te Sint Jabik, troude op 8-8-1615 foar it Gerjocht fan MENAMERADIEL mei Grietie Martensz. , dochter fan niisneamde troude lju. Hy wie earmfâd fan BERLTSUM. Marten neamde him : Monnickhuys. De op dizze sark neamde persoanen wienen allegearre Minnist.

De namme fan Claes Ruirdtsz. Schellingwou de soan fan Riuerdt Martens Schellingwou, de soan fan boppeneamde Marten Claesz. en Wopck Schellingwou en dus syn pakesizzer, stiet op de grutte klok neamd dy ’t nei Mannheim ferkocht is.

PITER IDSERDTS.

(Portier.)

Piter Idserdts (Portier) fan Frjentsjer hat yn 1747 in tekening makke fan de yn 1777 ôfbrutsene âlde St. Michielstsjerke (in saneamde krústsjerke) fan BERLTSUM mei as ûnderskrift :

“Het dorp BELCUM soo als ‘t hem sien liet van de Noord-West si in ’t jaar 1747”. Dus fanôf it Berltsumer Wiid. Der stiet in Waaijer op de toer en op it daksúteinde. It âlde yn 1785 op ôfbraak ferkochte tichelwurk by de brêge oer de Ljouwerterfeart is ek noch te sjen. Piter Idserdts wie poartewachter (Portier) yn Frjentsjer, steds– doarps- en lânskips-tekener en letter ek noch as tekenmaster ferbûn oan de Frjentsjerter Hegeskoalle, spesjaal foar de wiskunde studinten. Sjoch de tekening yn de L. C. fan 13- 4-1994. “BELKUM soo als ‘t hem sien liet in 1747”.

Yn itselde jier 1747 doe’t Portier hjir de boppeneamde tekening fan de yn 1777 ôfbrutsene âlde krústsjerke makke hat, wie Hemmema state nei alle gedachten krekt ôfbrutsen of de ôfbraak wie al yn folle gong. It is my net bekend of’t der ek in tekening troch Portier fan Hemmema makke is. Ik ha yn elts gefal gjin tekening fan it âlde Hemmema fine kinnen. Dit is wol jammer.

(Der binne wol pintekeningen fan in âld slot ‘t Huijs (Huis ter Aa) út BERLICUM (Brabân) yn omrin.)

Sjoch ek de L. C. fan 13-4-1994.

BELKUM soo als ‘t hem sien liet in 1747 noch sûnder koepel.

Jacobus Janz. STELLINGWERF hie yn 1723 ek al in tekening makke fan de âlde krústsjerke, sjoen fan út it Súden.

SYMBOALEN FAN IN TSJERKEGEBOU.

-----------------------------------

Fundaminten : it leauwen dat rotsfêst is en oannimt sûnder te sjen.

It tek. (dak) : de leafde dy ’t de sûnde bedekt.

De flier : nederigens, nederichheid want se lit har mei de fuotten traapje

De stiennen : de leauwigen dy ’t de tsjerke foarmje.

De mortel : dy ’t de stiennen gearbynt is it Wurd fan God en de ienigens. (ienichheid)

De pylders : binne de hilligen dy ’t de tsjerke skuorje. (stypje)

De klokken : binne de stim fan God dy ’t Syn Wurd ferkundigje en de leauwigen nei de tsjerke roppe.

De tuorren : opperste gesach. (bewâld) God dy ’t boppe de minsken stiet.

De toartse : fakkel of kears, it besieljen, de Hillige Geast, ek de reinigjende flam en de drager fan it geastlik ljocht. De ferdriuwer fan de kweade geasten. Brânende fakkels wize nei de weropstanning.

De Goatyske tsjerke : is yn in krúsfoarm boud, it koar symboalisearret de himel, it skip de wrâld. It koar nei it Easten rjochte wêr ’t de úterst eastlike kapel in knik jout. Dit brûkme symboalisearret de op de skouder lizzende holle fan Jezus nei syn krúsdea. De âlde Berltsumer krústsjerke wie ek in Goatyske tsjerke mei mitsele ferwulven en in grutte swiere sealtektoer.

L. C. 2-11-1796.

Kerkvoogden en Diaconen der Gereformeerde Gemeente, beide van het Dorp BELKUM praesenteeren UIT KRACHT VAN HET PLACAAT van den 6e October 1795 publyk te Verkopen, navolgende Vastigheden :

Voor de KERK :

Scharren over hoog en laag in de BELKUMER BUREWEIDE (de buorfinne) onder Sint Anna-parochie gelegen. Diverse stukken bouwland o. a. in huur by Jan Jacobs Ruinia (tink oan it lettere saneamde Jan Jacobslân oan it Menamerpaad) en de stukken land er naast gelegen in huur by (onleesbaar). Bouwland by Eeltje- en Rein Cornelis (Schiphof) gebruikt leggende in één stuk mandeelig met de weduwe M.(ichaël) Hulshuis. (it mandelige lân leit oer it Berltsumer Wiid).

Voor de DIACONIJE :

Een huizinge aan de VOORSTRAAT (de brede Buorren) by Ate Takes (Ate Teakes Bijlsma, skûtmakker, ôfkomstich fan Frjentsjer, op 20-5-1787 troud mei bakkersdochter Trijntje Hanses Faber) in huur tot May 1798. De huizinge ernaast by dezelve in huur mede tot May 1798. Een kamer in de KORFKE STEEG (no it Dok en it Steegje neamd) by Wybe Pytters in Huur tot May 1797. Een huizinge op DE KAMP (neist de eardere diakony helling) by Wytze Joh. de Haan (ôfk. fan Harns en yn 1783 yn de Grutte Tsjerke fan Harns troud mei Rinske Pieters) en anderen bewoond. In May 1797 vry van Huur. Een schoone hovinge aan de MIDDELSTE LAAN (Mulseleane) by Yme Daniël ‘s (van Schepen) in Huur tot Petri 1803. Een dito hovinge aan de VOORSTE LAAN (no de Hôfsleane neamd) by Klaas Johannes (Werkhoven) gebruikt tot May 1803. De eeuwige rente groot 2 car. glds en 10 strs gaande uit Eeltje Sikke ‘s (Schiphof) huis op de Terp. Wie gadinge maakt kome op Donderdag den 3 Nov. 1796 by de 1e zitting by Ewert Willems etc. etc. Beide laatste zittingen ten huize van Hendrik van den Berg, beide Castelein te BELKUM etc. ...... ......

De Berltsumer earmen mochten om 1566 hinne stikjes lân op it Bilt (yn de Buorfinne) brûke. Sa ek de (earme) skoalmaster/koster Jan Jansz. (Coster) fan Sint Anne wie hjir ûnderferhierder fan in stikje lân.

L. C. 18-2-1797.

Dr. J. Mebius Secr. van MENALDUMADEEL praesenteert by de Fin. Palmslag te Verkoopen de navolgende vastigheden te BELKUM.

Voor de KERK: 11 pondematen land, 4 eeuwige renten en 13 grondpachten.

Voor de DIAKONIJE: Een hovinge, en een eeuwige rente.

Voor de PASTORYE: 15 pondematen land. etc. etc.

L. C. 14- 4 -1798.

De Secr. J. Mebius, zal op Woensdag den 18 April 1798 n. m. 2 uur, in de nieuwe herberg te BERLICUM, na becomen consent van het Hof van Justitie van het voormalig gewest Friesland, by de verhooginge en provisioneele palmslag, publicq by strijkgeld verkoopen : Voor de Kerk- en Armevoogden van BERLICUM. Een extra groote metaalen KERKKLOK, met een zwaar geluid, zwaar ongeveer 4000 f f of daaromtrent, wijd beneeden in de buitenomtrek 16 voeten, en hoog tot aan zijn armen 4 voeten tusschen beide met een fraai gereguleerde proportie oploopende, zijnde van een zwaar sterk en helder geluid, gegoten door Jurjen Balthasar in Leeuwarden in het jaar 1663, staande op het kerkhof te BERLICUM. Waar op geboden is 925 Car. gls.

L. C. 17-7-1802.

De Kerk en Armevoogden van den Dorpe BERLIKUM, praesenteeren by de minstaanneeminge te besteeden : Het Slatten en Leiken by de Algemeene Opslag van BERLIKUM, wie daar aan gadinge maakt, koome op Maandag den 19 July 1802 praecys 3 uur na noen en neeme aan op Conditiën als dan voor te lezen.

L. C. 15-9-1818.

De Secretaris en Notaris Mr. P. J. Mebius zal op Zaterdag den 19 September 1818, des n. m. ten 3 uren t. h. v. de wed. Dijkstra te BERLIKUM by de minstaannemenden besteeden : Het slatten van de Vaart aldaar, de Gruise genaamd, ter lengte van ongeveer 50 roeden. (dit is oer in lingte fan sa’n 188 meter.)

L. C. 31-10-1817.

Verkooping op gerechterlijk gezag.

Op Zondag den tweeden November 1817 des voomiddags ten elf uren, ten huize van Wytze Johannes de Haan, Guardenier te BERLIKUM, gedenkt de Deurwaarder by het Vredegeregt van het Kanton Dronrijp publiek te verkoopen : Meubelen, Huisgeraden, ongeveer 250 korven groote Aardappelen en een Snik of aardappelschip, met halve Luiken, Zeil en Treil, Kloeten, Touwen en verder toebehoren leggende te BERLIKUM, op conditiën van gerede betaling. ZEGT HET VOORT.


L. C. 26-11-1945.

FRIESCHE KERKKLOKKEN teruggekeerd.

Dr. A. L. Heerma van Voss schrijft ons :

Eind mei kon ik het een en ander mededeelen over de Friesche klokken in oorlogstijd en tevens aankondigen, dat alle M. klokken behouden waren. Sindsdien zijn er allerlei vage berichten gekomen over het terugvinden van Nederlansche klokken in Duitschland, totdat nu eindelijk bekend werd, dat te Harlingen een (eerste?) scheepslading Friesche klokken was aangekomen en feestelijk ingehaald. Ten gerieve van talloos velen, die blijkens voortdurende binnenkomende verzoeken om inlichtingen verlangend uitzien naar nadere berichten (speciaal op de dorpen vertegenwoordigt de klok een zeer belangrijke factor in het leven van elke dag!) heb ik mij ter plaatse op de hoogte gesteld en ben zoodoende in staat hieronder een volledig lijstje te geven van de teruggekeerde exemplaren. Zij behooren alle tot de bijna 300 P. klokken uit de opslagplaats te Meppel, die na de bevrijding leeg geroofd werd aangetroffen : vele er van doen uit kunst historisch oogpunt en ouderdom maar weinig onder voor de M. klokken, die inmiddels door de goede zorgen van de Rijksinspectie Kunstbescherming weer alle naar hun steden en dorpen zijn teruggekeerd. Over het algemeen hebben zij hun oorlogs lotgevallen goed doorstaan; slechts van enkele zijn de bengels geheel of ten deele gesneuveld : het kleine klokje van het Gabbema Gasthuis te Leeuwarden is gebroken. Ik vond te Harlingen de volgende Friesche klokken terug : A ...... etc. ....... B...... ....... BERLIKUM, etc. ....... ....... Ek WIER hat de klok werom krigen.

(Fryslân hie sân 400 tsjerkeklokken fan foar 1800. De Dútske tsjerkeklokkeroof begûn op 21 july 1941. De regearing liet foar de oarloch de âldste klokken merke, as teken dat dizze eksemplaren seker sparre wurde soenen. De Alderâldsten binne lokkich bewarre bleaun, de Midsieuske tsjerkeklokken. BERLTSUM koe lokkich no sûnt 29 desimber 1946 wer bingelje mei de oerbleaune lytse klok dy ’t op 30- 3-1943 troch de Dútske besetter út de toer helle wie. De klok hat dêrfoar noch twa oeren lieden en dat is destiids opnommen op in grammofoan. Hy is mei in protte oare klokken werom fûn yn de kontrijen fan Hamburg. Op in foto út 1946 stiet de klok foar it bordes fan de Koepeltsjerke mei lofts foaroan Klaas Holste ’s Meijer, Dirk Pieters Kuperus, Jappie van Dijk, Sije Jan ‘s Beetstra, (?) lytste jonkje is Auke Feddes v. d. Graaf, Pieter Dirks Born en oan de rjochterside foaroan Sjoerd Rinse ’s Peterzon, de beide bûtenste persoanen wienen winkellju yn de Buorren yn elektro, wytguod, sanitêr etc. De argivaris fan it Ljouwerter argyf, dr. Alexander Lodewijk Heerma van Voss, berne te Leur (N. Br.) op 16-5-1894 en stoarn te Ljouwert op 24-7-1948, wie û. o. ek in klokke leafhawwer. Syn roots lizze yn Fryslân.)

L. C. 4-1-1946.

KLOK TERUG.

BERLIKUM. - Vrijdag 27 december j. l. is onze kerkklok, welke op 30 maart 1943 uit den toren is gehaald, weer terug gekomen. Ter gelegenheid van dit feest maakten de beide muziekvereenigingen hier ter plaatse een muzikale rondgang door het dorp. Nadat bij de kerk eenige vaderlandse liederen gespeeld waren, begon de klok te beieren. Ook heeft hij zijn stem oudejaarsnacht laten hooren en het nieuwe jaar ingeluid.









(Foto: Fan lofts nei rjochts: Klaas Holstes. Meijer, Fokke Kuperus, Jappie van Dijk, Sije Beetstra, ( ?? ), Pieter (Feico's) Born en Sjoerd Rinzes Peterzon )

L.C. 9-2-1946.

Oan de BERLTSUMER TOERKLOK.

Âlde grize Berltsumer toerklok.

Astou ek mar heal ris wist,

Hwat in langst wy nei dy hiene ....

Sikerwier, wy ha dy mist!


Mar al moastou ús forlitte,

Faek ha wy wol oan dy tocht,

As ien ús wer wie ûntfallen,

En nei ‘t âlde tsjerkhôf brocht.


Withoefolle dy ’t ús nei wienen,

En nou rêste, om dy yn ’t roun,

Hast dyn weidich - sjongend “bom bam”!

‘t lêste ierdsk farwol meijown.


Och as jonges, by dy boppe,

Hast it ús mei wurden sein,

“Dreunt myn stim oer doarp – hôf - lannen,

Tink dan oan jim libbensein ......”


Né, dat is my nea forgetten,

‘t stiet as beitle yn myn siel,

Nou’st op nij dyn liet wer galmste,

Is ’t it oft ik dûbeld fiel.


Stiest nou wer yn d’ âlde gloarje,

De flage efkes op de top,

En nou nimst wer as foarhinne

‘t wreed forsteurd birop wer op.


Ien kear komt ús aller tiid,

Ier of let, foar earm en ryk,

Wol foar elk ‘t farwol neigalmje,

Op syn reis nei ‘t himelryk.

B. P. K.

DE EARDERE TSJERKEKLOKKEN-RÔF YN 1580

Op 30 juni 1580 makken de Deputearren bekend, dat hja ek de klokken foarderen – wat hjir en dêr al troch soldaten bard wie ­– om dêr geskut fan meitsje te litten. Ien klok soe elts doarp nei eigen kar hâlde meie en de stêden safolle as hja nedich hienen. De beide tsjerkeklokken fan BERLTSUM binne fan 1593 (de lytse froulju’s klok) en 1663 (de grutte manneklok, no yn Mannheim.) Dus beide klokken binne fan nei it jier 1580. Ek de Spanjoalen wienen klokkerôvers.