Yn 1789 wurde der bûten by de Koepeltsjerke trije lantearns oprjochte troch Auke Jans. Ek by de algemiene opslach by de Piip oan de skipswâl komt in lanteane te stean. Allinne by donkere moanne wurdt de lêstneamde lantearne brûkt. Yn dy tiid kaam de bûtenferljochting mear en mear yn swang, foaral earst yn de stêden yn Hollân en letter ek yn Ljouwert.
Yn 1790 wurdt in flagge hierd om op de koepel te setten t. g. f. de boask en it ynheljen fan de Heech Wolberne Heer haadoffisier binnen dizze Gritenije MENAMERADIEL en fierder op Syn Heecheids residinsje “Great Terhorne” ûnder BITGUM.
Poarte fan Great Terhorne
Great Terhorne
Yn it jier 1791 is der troch de tsjerkfâdij in nije beslettene of wol trijedûbbele bank yn de tsjerke meitsje litten om te ferhieren. Pieter Keimpe’ s (Reitsma, fan berop wever) wurdt twakear, yn opdracht fan de h. h. tsjerkfâden, it doarp trochstjoerd mei de doarpstromme om de ferhiering fan niisneamde bank oan te kundigjen.
Hierder (* wurdt de âld skriuwer en de op “It Heechhiem” wenjende Michaël Hulshuys mei syn wiif foar 6 C.gûnen. (Foar Hulshuys wie hjir in Ottho (Otto) Cramers, yn 1678 troud mei Catharina Willems Hoogeveen, as skriuwer, letter of earder te Ljouwert en hie ek lân te BERLTSUM) As op 12-10-1791 it earste bern, t. w. in soan, berne wurdt op “Great Terhorne” wurdt hjir yn BERLTSUM, krekt as yn alle oare doarpen fan MENAMERADIEL, de klokken led. De kloklieders meie, nei it lieden fan de klok in slokje helje by it winkeltsje fan Jacobus (Horatius soan) Lautenbach op kosten fan de tsjerkfâdij. De flagge stie in pear dagen op de toer en dy waard hierd fan in Klaas Abes.
Berltsumers dy it (ridlik) goed hienen yn dy tiid, dus rom 200 jier ferlyn, wienen om mar in pear nammen te neamen: Klaas Klases van Gelder, húsman. Jeremias Rein ’s en Rein Jeremias (Quarree) túnkers/hôfkers en de lêste ek opheller fan it skoarstienjild. Sape Andele ’s ( van der Hout), mr. timmerman. Andele Lolke ’s (Boomsma) yn 1783 boaske mei Janke Anskes, intenier. Rein Willem ’s en Willem Jan ’s Spoelhof, hôfkers. Klaas Osinga, húsman. Andries Gerbens, húsman. Yme Daniël ’s (van Schepen) boaske mei Yfke Joukes (Yfke Joukes is ôfkomstich fan Menaam)., hôfker/túnker. Ate Ta(e)ke ’s (Bijlsma) oarspronklik ôfkomstich fan Frjentsjer, boaske mei de dochter Trijntje fan bakker Hans Sijbren ’s Faber, hie 1/3 yn in fear BERLTSUM - Ljouwert en wie hellingbaas. Jacob Dedde ’s (Appelhof), túnker/ hôfker. Hendrik Oept ’s van der Mey, mr. bakker. Eeltje Douwe ’s (Schiphof), túnker/hôfker/skipper. En Douwe Eeltje ’s (Schiphof), u. o. kleanwinkelman en fierdere negoasje, Fred(e)rik Symon ’s Kramer, túnker en Fedde Hauke ’s (Hager). In protte ôfstammelingen wenje no noch yn BERLTSUM. Heere (Herre) Sjoerd ’s van Dokkumburg, yn 1785 te Frjentsjer troud mei de ek fan BERLTSUM ôfkomstige Grietje Durks, is dan oppasser yn de tsjerkefinne. (de buorfinne)
Yn 1795 wurdt de doarpstrommel troch master skilder Johannes van der Valk opferve. Hy wie troud mei Antje Walings Tolsma. In Eeuwe Gerbens út Driesum levert hjir it nije boppefel op en F. O. Bavius, mr. sealmakker te BERLTSUM levert in nije slag- en draagbân. De doarpsomropper koe de minsken no mar wer it nijs omroppe en optrommelje as it nedich wie.
As yn 1795 de saneamde “nije tiid“ of ek wol de “de grutte omkear” plak fynt wurdt in nije flagge kocht foar op de toer. Hja hawwe no in eigen flagge. Guon minsken wienen tige bliid mei de komst fan de Frânsken. Yn 1797 wurdt it Molkepaed (de Biltdyk) mei skil ferhurde. It skil wurdt kocht by de strânmaster Rienk Jans fan de Dykshoeke. Der geane 20 weinen mei skil oerhinne.
Fuotnoat:
(* Hulshuys is fan bank feroare troch dizze bank te hieren of hy hie hjir noch gjin herenbank. Der wienen 2 herenbanken (van Gelder (mei Hulshuys elk de helte?) en Heerma van Vos), want sa lies ik earne:
Deze banken hadden vermoedelijk oorspronkelijk hun plaats in de Z. W. hoek van de kerk. Volgens een 18e eeuwse schetstekening (Arch. Schw.) werden er bij de bouw van de nieuwe kerk (1779) langs de Zuid- en Westwand van de kerk plaatsen gereserveerd voor herenbanken ten behoeve van de families Vos (in het snijwerk van de banken: klimmende vossen!), HULSHUIS, van Gelder en d ’Aumale.
De trije Vossebanken binne dêrnei yn eigendom fan de tsjerke kommen en de herenbanken fan van Schwartsenberg pas yn 1870. Dizze binne doe fan de heer Ernst Louis van Schwartsenberg en Hohenlandsberg oankocht foar de som fan fl. 700,-
L. C. 7-1-1831
Notaris Mebius zal op Maandag 10 -1-1831 finaal verkopen etc. ...... ....... o. a. een mans en vrouwengestoelte in de kerk van BERLIKUM, in 4 percelen, waarop geboden fl. 285,-
L. C. 11-3-1870
Mr. C. Wiersma, notaris te Leeuwarden zal op Maandag den 21-3-1870 des avonds 6 uur t.h.v. S. E. Schiphof, kastelein (yn “Veld- en Waterzigt” te BERLIKUM, verhuren eene Bank, bevattende 4 Mans en 3 Vrouwen Zitplaatsen in de Hervormde Kerk te BERLIKUM. Dadelijk te aanvaarden.
L. C. 19-11-1875
TE KOOP 1/3 gedeelte van het Veer met Schip varende van BERLIKUM op Leeuwarden, te bevragen bij Jan D.(irks) Kuperus te BERLIKUM.
L. C. 22-8-1798.
De Secr. J. Mebius, zal op Maandag den 3 sept 1798 ‘s namiddags om 2 uur ten huize van Evert Willems (Dijkstra), Castelein te BELKUM, by de 2e zitdag en provisionele palmslag verkoopen: Een huizinge staande tegenover de Nieuwe Herberg , thans by Heere Sjoerds van Dokkenburg (Dokkumburg) als eigenaar bewoond, op den 12 May 1799 te aanvaarden. Waar op geboden is 320 g. glds en 7 strs.
(Twa soannen fan Heere Sjoerds komme te Dronryp op in stuit foar yn de Registres Civiqus as arbeider, t. w. Dirk Heeres van Dokkenburg, berne op 19-10-1786 en Wybe Heeres van Dokkenburg, berne op 10-12-1787. De N is letter in M wurden.) Hja wennen te BERLTSUM. )
GEHUWD op 5 – 1 – 1817 te MENALDUMADEEL
WYBE HEERES van DOKKENBURG, oud 29 jaren, bruidegom, wonende te BERLIKUM, aldaar geboren blijkens de akte van uit den 17den december 1816, meerderjarige zoon van Heere Sjoerds van Dokkenburg (Dokkumburg) en Grietje (Dirks) Kuipers (Kuperus) beiden overleden en MAARTJE THIELES BERKENPAS, oud 25 jaren, dienstmaagd, wonende te Sint Jacobiparochie en aldaar geboren, meerderjarige dochter van Thiele Abrahams (Berkenpas), overleden volgens een verklaring van getuigen en Antjen Jacobs, huisvrouw, wonende te Sint Jacobiparochie, den ouder hierbij vertegenwoordig en hebben toestemming gevonden etc. ........ ........
Akte opgemaakt in tegenwoordigheid van Dirk Heeres van Dokkenburg, oud 30 jaren, gardenier te BERLIKUM, Anne Obken Theunis Meester, oud 28 jaren, veldwagter te BERLIKUM, in goede vriend, Abraham Thieles Berkenpas, oud 31 jaren, gardenier te Menaldum, broeder van de gehuwde vrouw en Douwe Thaakes Miedema, oud 24 jaren, gardenier te Menaldum, in goede vriend, etc. ....... .......
(Abraham Thieles Berkenpas út Menaam, berne te Sint Jabik, troud mei Tietje Takes, op 2-5-1813 belidenis dien te Menaam, is ien fan myn foarpakes. W. H. P.)
L. C. 2-3-1827
De Notaris Mr. P. J. Mebius , hiertoe benoemd by vonnis van de Regtbank van Eersten Aanleg, zitting houdende te Leeuwarden, zal, ten overstaan van het Vredegeregt van het Kanton Dronrijp by provisioneele palmslag op gemakkelijke termijnen van betaling, verkoopen: I. Eene zeer florisante neringrijke van ouds genomineerde en voor enige jaren aanmerkelijk vernieuwde Huizinge en Herberg, “Het Wapen van Vriesland” genaamd, bestaande in diverse propere en wel ingerigte Vertrekken, groote Bovenkamer, Balconskamer, uitmuntende Kelder, ruime Schuur en Stalling voor 100 paarden, Turf en Hooizolder, benevens daarbij behoorende Hovinge, Bleek en Erve, voorzien van de noodige Commoditeiten, staande en gelegen aan de groote weg op het aangenaamst van het dorp BERLIKUM naby Leeuwarden, gekw. met nr. 79, waarin deze affaire eene reeks voor jaren met veel succes is gedreven, laatst by de weduwe (Evert Willems) Dijkstra bewoond geweest, op den 12 Mei 1827 te aanvaarden. II. Eene Huizinge en erf nabij het vorige, gekwoteerd met nr. 89.