HEERE JEREMIAS CARREE

Heere (Herre) Jeremias Carree (Carré, Koree, Quarré(e), Quaeré) de soan fan Jeremias Caree en Teatske Heeres, op 26-11-1730 troud te St Jabik mei Tryntsje Harmens yn 1730 op 26 novimber, wie al in âld man wurden dat hy net mear yn steat wie om te wurkjen en bystân nedich hie fan de Diakonije. Hy wie hjir yn BERLTSUM selstannich mr. smid west en koe sa de kost fertsjinje. Hy hierde oant 1760 ta in hûs mei smidderij en it dêrby hearrend hôf. It pân c. a. is dêrnei wer te hier oanbean troch de skriuwer Hulshuys. De smidderij-ynventaris is ferkocht. A. O. W. en pensjoen wiene der noch net. Hja wurken oant hja net mear koenen. Gjin wurk, gjin ynkommen, sa wie it doedestiids. Men wist ek net better. Hienen jo bern, dan wienen de heukereftiche âldelju op de bern oanwezen. Mar dy hienen it ek net altyd rom, dus dan mar nei de tsjerke ta, nei de Diakonije om help. Wienen it âlde minsken sûnder bern, dan wienen de bruorren of susters en oars wol de omke en muoikesizzers de oanwezen helpers. It beheinde wenjen yn de lytse wentsjes liet ek altyd net ta dat de âldsjes dêrby yn koenen. Dêr wienen de Diakonije -wenten (keamers) dan wer foar ornearre. Ek hie de Diakonije in diakonijehûs (op ’e Terp) oan de Grytmanstrjitte. (no bekend as de Vermaningstrjitte) tsjin foarhinne de Minniste pastorije oer en no yn gebrûk as de wenhuzen de húsnûmers 8 en 10. Hjir waarden de minsken holpen dy ’t it siikbêd hâlde moasten en bysûndere help nedich hienen. Mar ek dakleazen wienen bytiden wolkom. In troch de Diakonije oanstelde “heit” en “mem” bestjoerden it hûs. Dit hat sa duorre oan it begjin fan de 20e ieu ta. Doe hat de gemeente MENAMERADIEL de soarch oernommen en op deselde Terp, mar dan oan de oare kant oan de Lytse Buorren (yn 1897 al) it gemeent- lik earm- (en fersoargings)hûs mei in hege stiennen trep delsette litten as ferfanging fan it âlde earmhûs. Ûnder de stiennen trep wie in kassjot (hûnegat), wêr ’t de troch de fjildwachter oppakte dronken lju of arrestearden earst tydlik yn opburgen waarden. It tehûs krige no ek wêr in “heit” en in “mem.” Hja moasten lidmaat fan de Herfoarme tsjerke wêze, sa wie ôfsprútsen. It wienen B. Goodijk en syn frou. Hja kamen fan Seisbierum en hienen al earder sollisitearre nei in soksoarte funksje yn Ljouwert. Hy wie klompmakker west yn dit doarp. Yn 1906 kamen S. K. de Jong en syn frou fan Âldeboarn hjir as heit en mem en sa binne der mear west yn dy funksje. Om op niisneamde Herre Quarré wêrom te kommen, hy mocht û. o. it burd elts jier 52 wiken lang skeare litte op kosten fan de Diakonije. (foar 3 stoeren yn ‘e wike), en as syn pakesizzer Tryntsje in nij himd foar him makke hie, waarden de kosten hjirfan ek wêr troch de Diakonije betelle. De brânstof (winterbaggelaar) krige hy oanlevere fan Jan Feyes, de Berltsumer turf-skipper. Pytter Keimpe ’s Reidsma (Reitsma) wie hjir turfmjitter en (út)drager. Deselde Pieter Keimpe ’s Reitsma wie hjir ek de doarpstromslagger en omropper. Syn soan Tjeerd Pytter ’s Reidsma wie hjir letter keapman/winkelman yn Zuyen, Bayen, Chitzen, Bonten en Streepen Kouzen, Doeken en Linnen, wenjende op de Nije Buorren (dit is de lettere Krússtrjitte! L. C. 28 -7 -1809) De Berltsumer húsdokter (sirurgijn/burdskearder) wie yn dy tiid Johan Andreas Kissel. Hy wie boaske mei Catharina Steinstrass dy ’t berne wie yn Vissen oan de Sieg yn it Keninkryk Prusen en sels wie hy ôfkomstich út it stedsje Wetzlar yn it Hartochdom Nassau yn Dútslân en medicinae doctor. Hy wenne midden yn de buorren (A 789 en 790 no húsnûmer 84), hy hie ien dochter ek mei de namme Catharina. De diakonije wie somtiden in protte jild kwyt oan syn masterslean, want in sikefûns wie der net. Herre is stoarn yn 1784. Nei ôfrin fan de begraffenis is noch tee en brandewyn dronken dat levere is troch Wytse Joh. (de Haan) en by Lammert Ysbrands (Brouwer) mr. brouwer (yn “De Brouwerij”) te Sint Jabik wie it bier besteld. Herre syn suster Ankie hie it deadskleed, foar oer de kiste, hierd fan Symen Jan ’s Kramer. Syn freonen yn Ljouwert hawwe berjocht krigen fan syn ferstjerren troch brievebesoarger Jan Volkerts. (Dizze wie ek leedbidder d. i. oansizzer). De nije sirurgyn (genês-, hiel- en froed-master) Bartele Klazes Hoogterp, boaske mei Jeltje Warner ’s Emmen, hat Herre yn it lêstoan noch bystien want Johan Andreas Kissel wie wilens ek ferstoarn. It buolguod hat noch 12-18-14 opsmiten en dat kaam de Diakonij ta. De soan fan Bartele Klases Hoogterp dy ’t him nei syn ferstjerren yn 1827 opfolge t. w. Klaas Bartele ’s Hoogterp wurdt hjir letter yn BERLTSUM yn 1834 omskreaun as “Genees- Heelmeester- en (* Artzenmenger”. Hy wenne midden yn de Buorren op Kad. BERLIKUM Seksje A. 604 en 605 (folle letter, om 1960 hinne wie it de slach- terswinkel fan Auke Feddes van der Graaf it hûs húsnûmer 85 tsjin Buorren húsnûmer 84 oer). As syn widdo ferstjert yn 1863 wurdt de dokterswente in manufacturenwinkel. De opfolgjende dokter H. Beintema (yn 1865 te Burgum tr. m. S. Meijer) woe net yn dit pân wenjen bliuwe. Yn 1848 wie hjir yn BERLTSUM ek noch in dokter Johannes de Boer as hiel- en froedmaster.

(* Fuotnoat:

- en Artzenmenger d. w. s. – en apteekhâlder (“pilledraaier”). De earste farmaseuten dûke om 1276 op yn Nederlân. Dizze “artsenijmingers” behearren destiids ta de sosjale elite fan harren stêd. Yn Fryslân brochten somlike farmaseuten it sels ta grytman. Dat is no wol oars. Net allinne de status fan apteekmeiwurkers is tige feroare, ek de wurkwize en it ark. Sa steane yn musea-apteken in grut ferskaat oan fizels. Ieuwenlang wie dit ien fan it wichtichste ark foar in apteker. Mei in fizel waarden grûnstoffen foar de medisinen fynstampe. In oar ûnmisber helpmiddel by it tariden fan medisinen wie it aptekersfornús wêr ’t sjerpen op útsiede waarden oant se de winske dikte hienen. Omdat giftige dampen frijkamen, barde dit yn ’e bûtenloft op ‘e stûpe of yn ‘e eftertún. Yntusken is de karakteristike fizel folslein ferdwûn út it byld fan ‘e hjoeddeiske apteken en fungearret hy no ynternasjonaal allinne noch as wrâldferneamd logo fan ‘e farmasy. De produksje fan genêsmiddels is útbesteege oan grutte laboratoria en de pillen komme net mear út hannen fan de apteker, mar út wite doaskes mei trochdrukstrips.

--------------------------------------------------------------------------

LAMMERT COREE.

Út it REKKENBOEK fan de Herfoarme Diakonije fan Menaam (1745-1792) blykt, dat der yn Menaam ek in Coree wenne dy ’t dêr in smidderij hân hat, sa mei ik oannimme.

Yn juny 1748 is yn Menaam in Bintje ferstoarn. Dêr wurdt dan oan in Lambert Coree, betelle foar izerwurk oan “Beentjemoy(‘s) kiste volgens quit(an)tie”: 1 – 2 - 0 wegens b ..... .....

Út itselde rekkenboek blykt dat dêr in Lammert Coree op 16-2-1763 stoarn is en betelle wurdt oan Gerrit Joukes en Ymkje Jans “aan boter op het leed van Lammert Coree”.: 2 – 9 – 8 wegens b .... .....

Op 15-5-1781 is dêr ek in Antje Coree ferstoarn, dan wurdt oan Douwe Wijbes betelle: “voor het inzetten en bergen bi ’t boelgoet van Antje Coree”.: 0 – 4 – 0 wegens b ... ... ....

Oan de nammen en it berop fan smid te sjen, binne dizze Coree’s fêst oan de Berltsumer Coree’s (Quarré’s ) besibbe. Foarheit Lambert Jansen Caree (Carree) is ôfkomstich fan Amsterdam, lidm. Waalske gemeente yn Ljouwert yn 1649, troude te Ljouwert yn 1650, wie yn 1678 û. o. brouwer.

---------------------------------------------------------------------------

L. C. 10-3-1787.

Dr. J. Mebius, Secr. van Menaldumadeel zal by Strykgeld verkopen: 2 ½ pondemate kostelyk Bouwland, by de Erven van Waander (Warner) Emmen in gebruik.

(Op deselde dei wurdt troch boppeneamde dr. J. Mebius ek ferkocht op fersyk fan (de sirurgyn) B.(artele) Hoogterp cum uxore (dit is Jeltje Warners Emmen) it by him yn gebrûk wêzend 3 pûnsmied tige treflik ûnder BERLTSUM lizzend boulân. Soe hy neist syn wurk as hielmaster ek it túnkersfak útoefene ha? )

L. C. 14-12-1849.

Notaris T. Alma te Menaldum, zal, ten gevolge bekomen autorisatie van de Arrondissements- Regtbank te Leeuwarden, op Maandag den 24 December 1849, in de Herberg van I. M. Anema te BERLIKUM, provisioneel en op dan te bepalen dag en plaats finaal, telkens ten 5 ure na den middag, presenteren te verkoopen:

1. Eene hechte en zeer nette Huizing, no. 54, met Erf en Tuin, benevens daarachter staande Huizing met Kamer en Achterhuis: door T. L. Boomsma wordende bewoond, en verder toebehoren, staande en gelegen in de Buren en aan de Vaart te BERLIKUM; door Mej. de Weduwe K. B. Hoogterp wordende bewoond. Kad. BERLIKUM A. no’s 603 en 604 voor eene inhouds grootte van 7 roede 60 el.

2. Een perceel uitmuntend Guardeniersland, gelegen achter de Buren en aan de Vaart te BERLIKUM, sectie A 1062 groot 26 roede 96 el.

3. Een perceel uitmuntend Guardeniersland gelegen aan de Vaart tegenover het vorige in BERLIKUM, sectie A 1038 groot 16 roede 90 el.

Beide perceelen in huur bij H. J. Faber. Te aanvaarden: Het 1ste perceel op den 12 Mei 1850 en de percelen 2 en 3 na de toewijzing.

L. C. 25-5-1828.

Alle degenen, welke iets verschuldigd zijn aan den Boedel van wijlen B. K. Hoogterp, in leven Genees- Heel- en Vroedmeester te BERLIKUM, worden verzocht, deswege, uiterlijk vóór of op den 31 dezer maand betaling te doen aan den ondergeteekenden, wonende te Dronrijp, welke door de Erven van gemelden overledenen met de invordering der nog openstaande pretensiën ten voordeele van gemelden boedel is belast; zullende de zoodanigen, welke in gebreke moge blijven hun verschuldigde te komen voldoen binnen den gestelden termijn, zich zelven te wijten hebben, de nadeelige gevolgen, daardoor te veroorzaken.

(Hy is ek lid west fan de gemeenterie fan BERLTSUM – Mairie BERLTSUM.)

........................................................

L. C. 9-1-1760.

Schrijver Hulshuys te BERLIKUM, praesenteert uit de hand te verhuuren, om op den 12 May 1760 aan te vaarden, eene Huizinge, Hovinge, Smitterije en Gereedschappen tot een Smitterije behoorende, tegenwoordig door Heere Caree wordende bewoond en gebruikt, staande en gelegen te BERLIKUM.

L. C. 1-1-1863.

Smids-gereedschappen.

Mr. Schonegevel, griffier te BERLIKUM, zal op Dingsdag den 5 Mei e. k., des v. m. 11 uur, ten verzoeke van en ten huize van G.(erke) K.(laze ’s) de Jong aldaar, tegen gereed geld ten verkoop aanbieden: Een volledig stel Smids-gereedschappen, waaronder een bijzonder uitmuntend Aanbeeld. Een Poester en Schroefbank enz. ...... ......