BRÂN YN (OP) DE PIIP

Op 7 Jannewaris 1875, de middeis om fjouwer oere hinne waarden de bewenners fan ús doarp hommels opskrikt troch it geroft fan brân wat fluch útbrútsen wie yn it steam-sûkereifabryk fan de hear Lammert Ysbrand ’s Brouwers. (letter in Johannes Brouwers as sûkereifabrikant, en no jongereinsoos “it Piipskoft”). It like nochal driigjend, foaral troch de grutte foarried brânstoffen dy ’t dêr opslein wienen. Mar troch feriene krêften fan de BERLTSUMERS mocht it fjoer der net yn slagje om út te wreidzjen. Hja wienen de brân gau master. It wie lokkich oerdei en it wie dy deis deastil mei de wyn, oars hie it hiel oars útpakke kinnen. Dat naam net wei, dat de eigner frijwat skea hie oan it gebou en de droege sûkereiwoartels. De brân wie ûntstien omdat droege sûkereiwoartels tsjin in oer de souder lizzende gloedhjitte steampiip kommen wienen te lizzen. Brân is ien fan de slimste dingen dy ’t immen oerkomme kin. Sa binne hjir allinne al yn BERLTSUM ferskate brânnen west. Yn de Bûterhoeke is der brân west yn de nacht fan 8 op 9 Septimber 1903 op de skipshelling by de bruorren Jan en Bernardus van Manen. De brân waard ûntdutsen troch de masinist fan de doe neistlizzende oaljeslaggerij en lynoaljekoeken fabryk. De skea koe beheind wurde ta de timmerskuorre mei de dêroan boude wenten. Der koe lykwols net folle fan de have rêden wurde. De oarsaak wie mooglik te sykjen yn in efterbleaun fonkje fjoe dat by it kromjen fan it hout brûkt is. De hulpfeardigens fan de omwenjenden wie tige grut west. De neistlizzende oaljeslaggerij yn de Bûterhoeke is, noch wer letter, ek hielendal ôfbaarnd. De oalje-slaggerij wie yn 1889 oprjochte troch de hearen Frans Andries Gerbens út Menaam (Gerbens wie troud mei Jannigje de dochter fan A. L. v. d. Meij), Auke Louren ‘s van der Meij, doe wenjende yn Drachten (hy hie dêr ek in oaljeslaggerij), dêrfoar yn BERLTSUM, en Lolke Gatze ‘s Boomsma út BERLTSUM. De v. o. f. wie fêstige yn BERLTSUM en hie as doel, it slaan fan lynkoeken en lynoalje en it driuwen fan hannel yn dy artikels en yn koalsied en raapoalje. Op 15- 4-1930 om 11 oere begûn de(brân)klok te kleppen. De pakhuzen fan de N. N. K. yn de Bûterhoeke stienen yn de brân. Dêr stie in hurde wyn mar dy wie lokkich wol geunstich. De Berltsumer brânspuit wie der fuottendaliks bij mar it slagge net om it ding oan de praat te krijen. De Marsumer brânspuit waard oproppen en begûn te dwêsten. (blussen). De Berltsumer spuit joech op dat stuit ek wer wetter. Tegearre slaggen hja dêryn de brân te dwêsten mar de boel lei sa goed as plat. Dan neam ik dan no sa mar in pear brannen op dy ’t ik sels meimakke ha tusken de jierren 1950 en 2000. Op 23- 3-1956 begûn yn de middei tsjin 5 oere de grutte kisteloads op it feilingterrein te baarnen. It wie ien bonke hout oan kisten en net mear te dwêsten. Om 19.00 oere hinne wie it fjoer betwongen mar de skea wie grut. Der binne sawat in 20.000 kisten ferbrânne. Hoe it fjoer ûntstien is, wie net bekend. De fersekering diek de skea. It makke op ús as bern in grutte yndruk. Op it súvelfabryk hjir is de kantine ris folslein útbaarnd. (L. C. 5- 6-1954. foto) Op 26- 1-1971 gie de opslachloads fan de C. C. F. oan de Bitgumerdyk totaal plat. It wie it foarhinne tsjettelhûs fan it fabryk en waard no brûkt foar de opslach fan sûkelade en iiswafels.

It kafee “de Brug” oan de Kleasterdyk nûmer 12 , by de brêge oer de Ljouwerterfeart fan de famylje Wiebe Jurjen Uitterdijk, is op 7 novimber 1963 oan de grûn ta ôfbaarnd. It soantsje fan fjouwer jier boarte mei in fjoeroanstekker. Hjir stie letter it doedestiids nijboude wetterskipskantoar fan “Noardlik Westergoa” en wêr ‘t Hendrikus (Drikus) Sinnema (Drikus en Ettsje Sinnema - Osinga) no syn kantoaren yn hat. It Hotel “Hof van Holland” van Fokkinga op it Hemmemaplein is trouwens yn 1927 ek al ris ôfbaarnd. It Nieuwsblad van het Noorden d. d. 15-8 -1927 hjiroer: J.(acob) van Tuinen uit BERLIKUM: doordat de wind draaide bij de brand in hotel Fokkinga sloeg het vuur over op de (er vlak naastliggende) boerderij (nû. 8) van van Tuinen, die (ook) geheel afbrande.

(Foto: Brân yn kafee "de Brug")

De eardere tsjerkepleats (“Longerhou” of ek wol “La(e)tsma” neamd) oan de Anskereed fan de bouboer en ierappelselekteur Jan Baukes Lettinga wêr ’t de famylje fan de feehâlder Sjoerd Reitsma wenne hat en no syn soan Dirk (Dick) wer, is yn 1961 ek finaal ôfbaarnd. (Sjoch it boek: BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP side 30) Op in Berltsumer merke (ein Juny 1968) is de pleats fan Roel (Roelof Jan ‘s) Zijlstra oan de âlde Menamerdyk plat lein. Op de merke wie op dat stuit hast gjin minske mear te finen. De merkelju binne dy jûns ek de dupe mei wurden sa kin men wol sizze. By Ulbe Pieters Runia yn de Smidsteech (no de Ramshoarnstrjitte neamd) wie it ek rekke. Ulbe stroffele mei in kanne oalje oer de hûn en der gie it oan. De ynventaris en de trou-ynventaris fan dochter Willy en de oansteande skoansoan Wieger-Durk Jan ’s van Dijk gienen alhiel yn flammen op.

Op de twadde Krystdei 1981 wie der brân by de famylje Algra - de Vries yn de Buorren op nû. 45. (Hendrik & Baukje) De skea wie grut. Omdat it stil waar wie koenen de oanbuorjende huzen behâlden bliuwe. De brân troch in baarnende kears (Kryst 1982) yn de konsistoarje ûnder de Grifformearde tsjerke (no de Krústsjerke neamd) is lokkich beheind bleaun ta dizze romte, oars hie de hiele tsjerke wolris yn flammen opgean kinnen. Yn 1990: Waarljocht ynslach yn de Koepeltsjerke. Troch it each fan de nulle, dat kin en mei rêstich steld wurde. It hie mar in hier skeelt of it monumintale tsjerkegebou wie in púnfal west. Lokkich is ús dat besparre bleaun. De waarljocht wie ynslein op in kabel fan it klokmeganisme. Dêrtroch is der koartslúting ûntstien yn de meterkast. Kabels wienen begûn te smeulen en letter op de dei, doe it ûntdutsen waard, begûn it te brannen. It tafâl woe, dat koster Sape Schoorstra mei syn soan Boate de klok opwine woe. Boate woe kontrolearje of de doar yn de lytse konsistoarje wol goed beskoattele wie, mar safier kaam it net, troch de ferstikkende reek. Lokkich hie de brânspuit alles gau ûnder kontrôle en is de skea beheind bleaun.

Brân twadde krystdei 1982 (Buorren 45, Berltsum)

Begjin 1995 op 29 Jannewaris waarden wy op in sneintemoarn betiid opskrikt troch in gelûdsauto. Der wie in smeuljende brân yn de keunstdong opslachloads fan keunsdonghannel van Dijk op it feilingterrein. De bewenners fan de Mulseleane moasten evakueerd wurde fanwegen de fergiftige reek. De hiele strjitte lei yn in tichte damp. Dan moat noch neamd wurde de grutte winkelbrân op 23- 4-1992 fan de van Wigcheren ‘s (de VéGé - winkel *) yn de Buorren op húsnûmer 12. Ik stie yn de Skoallestrjitte hjir op feilige ôfstân nei te sjen. Der kaam in frjemde man neist my stean. It blyk de nije grifformearde dûmny te wêzen, t. w. dûmny Pieter Dijkstra. De bêste man ha ik hjir op dit plek foar it earst kennen leard. Hy is 15 jier letter dûmny wurden yn de Sint Pytter tsjerke fan Grou. (Doe wie it: “Pytter yn de Sint Pytter” of ek wol neamd “de Paus fan Grou”) Hy wenne koarte tiid yn it wenhûs (pleatske) fan de eardere Berltsumer hússkilder Durk Ale ’s Strooisma. De nije pastorijewente oan de Ir. C. M. van der Slikkeleane húsnûmer 8 wie noch yn oanbou want de âlde op húsnûmer 5 foldie net goed as pastorije.

Rjochts it ôfbânde pakhûs/wenhûs Theodorus Jr.

Ein Desimber 2007 is it (heege) hûs/pakhús fan Theodorus Wissman (neist de âlde Grifformearde tsjerke oan de Wiersterdyk op húsnûmer13) totaal ôfbaarnd en gean samar troch, tefolle om op te neamen. Sa bliuwe brannen altyd yn jins tinzen hingjen want it is net neat om hjirby alles te ferliezen. It begrutsjen bliuwt dan ek lang hingjen by de minsken.

*) Fuotnoat:

De (need)winkel is in tiidlang yn ien fan de (lege)loadsen fan Douwe Jacob ’s van Dijk oan de Mulseleane fêstige west. De nije winkel is net wer yn de Buorren kommen, mar oan de Hôfsleane op it plak wêr ‘t earst Jan Pieter ‘s Wassenaar mei syn broer Koos in transportbedriuw hie en wêr ’t foarhinne har pake Jan Jacobus Wassennaar wenne. (Jan en Aafke Wassenaar - Hoekstra) Hjir wie mear parkeergelegenheid en romte by de nije winkel dan yn de Buorren. It transport-bedriuw, no fan Koos (en Joke) Wassenaar, sit tjintwurdich op it nije bedriuwenterrein De Ôfslach. (húsnûmer 1)

L. C. 19-4-1861.

Vrijdag j. l. ‘s namiddags 1 uur is er te BERLIKUM brand ontstaan in een huis bewoond door P.(ieter Minnes) Nieuwhof en D.(ouwe Feddriks) Kramer, die op dat ogenblik afwezig waren en op het veld arbeid verrichten. Eerst drie uren later was men den brand meester. Het huis is geheel vernield, doch het grootste gedeelte der daarin aanwezige huisgeraden heeft men kunnen redden, zoodat het in dat gebouw verbrande zich hoofdzakelijk heeft bepaald tot eenig onbereid vlas. De oorzaak van het ongeluk is onbekend. Het huis was, naar men meent, tegen brandschade verzekerd.

L. C. 22-7-1918.

BERLIKUM 21 Juli. - Hedenochtend onder kerktijd klonk de brandhoorn door het dorp. Bij den landbouwer J.(an) S.(ybes) Osinga, midden in het dorp, kwam de rook boven de schuur uit, tengevolge van hooibroei. Wel sloegen de vlammen niet uit, doch onder toezicht van den brandweer is alle hooi uiteengehaald en nu en dan het vuur door de motorschuit gebluscht. Het hooi is geheel verloren gegaan.

L. C. 5-5-1928.

BRAND IN DRUKKERIJ.

BERLIKUM. 4 mei 1928. Door een tot nu toe niet opgehelderde oorzaak brak heden middag brand uit in de drukkerij van de Gebroeders Westerlaan alhier. Het personeel was juist weg om te schaften, toen de eigenaar den brand ontdekte. De brandweer was spoedig ter plaatse en wist met één slang op de waterleiding binnen het uur het vuur te blussen. Het gebouw en de machines zijn ernstig beschadigd, de laatsten vermoedelijk nog het meest door het water. In hoeverre het bedrijf kan worden voortgezet zal nog moeten blijken. Het gebouw, de machines en de verdere inventaris zijn verzekerd bij de Onderlinge Brandwaarborg Maatschappij “Menaldumadeel”. (Dizze maatskippij wie oprjochtte troch A.(ndries) F.(ranses) Gerbens út Menaam en K. W. Sannes út Stiens en waard fêstige te BERLTSUM en is letter opgien yn de ûnderlinge fersekeringsmaatskippij de O. B. A. S. fêstige te Ljouwert.)

(De printerij yn it pân efter it hûs Buorren húsnûmer 84 koe, sa blyk letter, mei de net skea oprûne printmasines lokkich noch foarút, dat alle oarders stipt en fluch útfierd wurde koenen.)

L. C. 24-2-1957.

BEKENDE FRIESE drukker-uitgever in Apeldoorn overleden.

Zaterdagavond laat is in Apeldoorn in de ouderdom van 75 jaar overleden Durk Douwes Westerlaan (troud mei A. Steensma), een bekend man in de drukkers wereld en, hoe lang ook al, “om útens”, in hart en nieren een oprechte Stânfries. Geboren in BERLIKUM, is hij daar ook typograaf geworden, verhuisde later naar Dronrijp en kreeg daar een eigen uitgeverij, die al spoedig naar BERLIKUM verplaatst werd. Na enige tijd in Amersfoort werkzaam geweest te zijn, vertrok hij naar Apeldoorn, waar hij onderdirecteur van Wegeners Drukkerijen geworden is. Hij bleef nog lang werkzaam en kreeg eerst op 1 januari j.l. (doe ’t de A. O. W. ynfierd waard) zijn definitief pensioen. Zowel in de socialistische als in de blaauwe beweging was hij een voorman en de Friese Beweging droeg hij een zeer warm hart toe.

NIEUWSBLAD van het NOORDEN. 30- 1-1995.

Evacuatie door brand.

BERLIKUM - Politie en brandweer hebben gisterochtend (it wie de sneintemoarns) ongeveer 70 bewoners (û. o. dy fan de Mulseleane) van het Friese plaatsje BERLIKUM geëvacueerd. Door brand in een opslagloods met 3000 ton kunstmest (yn de loadsen fan Keunstdonghanneler K.(laas) D.(ouwe ‘s) van Dijk oan it âlde feilingsterrein, foarhinne de loodsen fan de jirpel-hannelers Andele- en Dirk Boomsma) kwam dikke, verstikkende rook met zoutzuur en nitrineuze dampen vrij. Aan het begin van de middag konden de bewoners weer naar hun huis. De evacuatie was een voorzorgsmaatregel, omdat de brandweer de brand moeilijk onder controle kon krijgen. Nadat de rook ontwikkeling was teruggebracht, kon de gloeiende kunstmest uit de loods worden gebracht. De brandweer houdt in rekening dat spelende kinderen de brand op hun geweten hebben.

(Wy, as bewenners fan de Mulseleane húsnûmer 27, binne doe mar nei myn skoanmem yn Ljouwert evakuearre. Hja hie natuerlik net op ús rekkene foar it waarme miel. Wy hawwe doe mar wat fan de Sineesk helle.)

L. C. 23-1-1863.

PALMSLAG te BERLIKUM.

De Notaris Brandsma te Dronrijp, zal op Saturdag den 31 Januarij 1863 des namiddags 4 ure, ten huize van den Kastelein W. Haanstra te BERLIKUM, finaal verkoopen: Eene kapitale, sedert kort geheel vernieuwde en sterk getimmerde HUIZINGE, lett. B no 99 (waarin met goed gevolg eene manufactuurs-affaire wordt uitgeoefend, en sedert lang bewoond en gebruikt door een Geneesheer, met Erve, Grond, Bleek, Tuin, Steeg en Schuurtje c. a. Ten zuiden aan de Publieke Straatweg en ten noorden aan de Vaart, staande en gelegen op een besten stand ten zuiden der Buren, in het volkrijke en florissante Dorp BERLIKUM, o. a. uitmuntend geschikt voor een Geneesheer, Koopman of Fabrijkant. Kad. A 1254 eigen aan den heer F. H. van de Meulen, Landbouwer onder Sint Jacobi Parochie etc. ....... ........

L. C. 8-5-1905.

Door onvoorzichtigheid van de meid, die ter droging van een bedje een stoof daarin had gezet, ontstond heden voormiddag brand in de woning van onze geneesheer. (dokter J. Kwast sr. te BERLTSUM) Door het late ontdekken liet zich de brand dadelijk ernstig aanzien. Het achter-gedeelte van de woning is dan ook geheel vernield. Hulpvaardige handen - met de spuit kon weinig worden gedaan - hebben het woongedeelte kunnen behouden, dat evenwel ook al veel schade kreeg. Van den inboedel is mede zeer veel verloren gegaan. Een en ander was verzekerd te Woudsend.

L. C. 20-11-1954.

Begin van brand te BERLIKUM.

Bij de winkelier A.(lbert) van der Ploeg (sinds 1924 winkelier aan de Buorren húsnûmer 94) te BERLIKUM ontstond brand doordat een halve zak suiker, die bij de kachel stond te drogen, vlam vatte. De brand liet zich eerst ernstig aanzien, daar het behang en het houtwerk al flink brandde. Gelukkig wist men met emmers water het vuur spoedig te doven.

L. C. 24-6-1968.

FELLE BRAND verwoest boerderij bij BERLIKUM.

(Roelof Jans Zijlstra, yn 1937 troud mei Trijntje Hiemstra.)


L. C. 11-9-2003.

BEJAARDE OVERLEDEN aan gevolgen brand.

BERLIKUM – De 89 jarige Keimpe (Boate ’s) Algra uit BERLIKUM die gistermorgen ernstig gewond raakte bij een brand in zijn woning in de Molestrjitte, is later op de dag in het ziekenhuis in Leeuwarden overleden. De hoogbejaarde man werd gisteren rond half tien met zware verwondingen door de brandweer uit zijn woning gehaald, nadat een wijkverpleegster de brand had ontdekt. De oorzaak van de brand is nog niet bekend.

L. C. 27-8-1757.

Willem Meinderts (Boomsma) en Durk Andringa, beide te BERLIKUM, Praesenteren te Besteeden 12 à 13 Pondematen Meekrap (* te delven, by de pondemaat of daghuur. Op Maandag den 5 september 1757 s’ morgens te 10 uur voor Noen tot BERLIKUM voorschreven.

(* Fuotnoat:

Meekrap (yn it Frysk “miede” neamd) waard yn eardere tiden foaral op klokkasten en meubels brûkt mar de reade poeier waard ek brûkt foar it fervjen fan side, wol en katoen. De beits waard ek brûkt op ikenhout en doe ’t belesting heven waard op dat hout en de belesting net jilde as dêr de reade kleur op oanbrocht waard, wie der ek in grut freegjen nei. De reade poeier wurdt wûn út de woartelstokken fan de plantesoart Meekrap of Rubia tinctorum. De plant is ôfkomstich út it Middellânske Zeegebiet en waard foaral yn Nederlân en Begië tele. Doe it yn 1868 slagge om út koaltear dizarine te meitsjen naam de teelt fluch ôf. Yn de “Kruidhof ” te Bûtenpost is dizze no seldsume plant noch te finen.

...........................................................................................................................

L. C. 15-5-1868.

STOOM-CICHOREI FABRIEK enz. te BERLIKUM.

De Notaris Potter van Loon, zal op Zaterdag den 26 Mei 1868, ‘s avonds 7 uur, in de Herberg bij S. A. Tolsma te BERLIKUM, finaal, volgens plaatselijk gebruik, verkoopen:

1. Eene CICHOREI FABRIEK met nieuwe STOOMMACHINE, tot het droogen, branden en verder bereiden van de cichorei doelmatig ingerigt, met drie Eesten, twee Branders, een Molen, Pakhuis, Turfschuur, Bijschuur enz. benevens het daaraan verbonden, pas voltooide, in 1866 gestichtte modern, ruim en fraai Woonhuis, no 16, waarin 3 Kamers, eene Keuken, 2 groote en fraaie Kelders en een ruime Zolder, met Grond en Erf c. a. staande en liggende op eenen aangenamen en gunstigen stand aan den Rijdweg (de Buorren) en het Vaarwater (de Grúzert by de Piip) in de kom van het dorp BERLIKUM, groot 6 roede 40 el; dadelijk na de toewijzing te aanvaarden; waarop zonder beding tot eenige overname, geboden is fl. 5431,- (Letter It Piipskoft)

2. Een hecht en ruim BURGERHUIS, no 99, waarin 3 Kamers, met Schuurtje, Grond, Bleek, Tuin, Steeg of Inreed c. a. staande en liggende te BERLIKUM aan de Rijdweg, tot de uitoefening van vele Affaires zeer geschikt, groot 5 roede 80 el; te aanvaarden op 12 Mei 1869 en ingezet op fl. 1157,-

L. C. 29-5-1868.

J. L. SEVENSTER.

Uit de hand te huur.

Eene Cichoreifabriek met Stoommachine en het daar aan verbondene ruime en fraaie Woonhuis enz. c. a. te BERLIKUM, voor een of meer jaren. Te bevragen bij J. L. Sevenster te Menaldum.

L. C. 8-1-1869.

Ondergetekende, eigenaar geworden zijnde van de gerenommeerde cichorei-fabriek, vroeger gedreven door K.(laas Klases) van Gelder, en later door D. Feenstra te BERLIKUM, neemt de vrijheid zich daarin, zowel buiten als binnen deze provincie aan te bevelen, beloovende eene accurate en soliede bediening.

Minnertsga, Januarij 1869.

L. IJ. Brouwers, Cichorij-fabrikant te BERLIKUM.