NEI WURD


Ik hoopje dat ik in objektyf observator west bin fan ‘e skiednis.

VERBA VOLENT, SCRIPTA MANENT. (wurden ferfleane, skriften bliuwe.)

of ek wol

Wat is, dat bliuwt net, wat west hat, altyd.

Watse Hendriks Posthumus.

Mulseleane 27

9041 CX

BERLTSUM.

Tillefoan: 0518462002

E-mail: wadipo@gmail.com

2011

Wa ‘t skriuwt, dy bliuwt.

Ero cras.

W. H. P.

B.

Op- of oanmerkings, oanfollings e. d. waarden troch my tige op priis steld.

Tige tank dêrfoar.

Ôfslúten te BERLTSUM op freed 11 -11 -(20)11 de jûns om 11 oer 11ven.

(It healwize getal.) Definityf ôfslúten mei oanfollings en ferbetterings fan

taal- en typflaters op woansdei 12 –12 -(20)12 de jûns om 12 foar 12ven.


Waar is DE TIJD die verglijdt toch gebleven,

Wat gaat DE TIJD die verglijdt toch tergent vlug,

Want met DE TIJD die verglijdt verglijdt het leven

En al DIE TIJD die verglijdt komt NÓÓIT meer terug.


Wa ’t de skiednis net ken, hat net folle te fertellen.

en

Spitigernôch leart de skiednis ek, dat it minskdom neat leart fan ‘e skiednis.

BERLTSUM wurdt yn 606 foar it earst yn de kroniken neamd en beskreaun as plak mei in (see)hannelshaven. Der wie yn dy tiid ek al in protte hannelsferkear op de Noardsee dy ’t, sa ’t blykt út de Angelsaksyske kronyk ‘Historia Brittonum’, tusken de 7de en de 11de ieu ek wol bekend stie as de Fryske See (Mare Frisionum, ek wol Oceanus Fresonicus neamd). Sûnt 570 wie Beroald de 4e kening fan Fryslân. Yn 630 folge sy soan Aldgild (Aldgisl) him op as 5de kening fan Fryslân. Syn Hôf wie te finen yn Dorestêd (by Útert). It wie yn 628 dat kening Dagobert fan East-Frankryk, de soan fan kening Lotrik fan ‘e Frânsken de Friezen ûnder syn gebiet bringe woe. Hy woe it Kristlik leauwen yn de Fryske lannen ynfiere. Kening Beroald sneuvele yn de slach en it slagge kening Dagobert in protte gebiet fan ‘e Friezen yn besit te nimmen. Aldgild waard in jierlikse skatting oplein fan 600 oksen of kij. Dagobert boude in slot neist Wiltenburg, dat hy Trajectum ad Renum > Útert neamde, wêr’t de skippen, dy’t fanút see de Rijn opfarren, tol betelje moasten. Dit gebiet wie op de Friezen verovere. Útert waard oan Thuinibert, de Biskop fan Keulen jûn dy’t dêr in Thomastsjerke bouwe liet, in oefenhûs foar evangeeljeprekers om de Friezen te bekearjen. Aldgild (yn Starum begroeven) waard yn 679 opfolge troch syn soan Radbout (Radbodus) de 6de kening fan ‘e Friezen. Hy die alle war om (Trajectum ad Renum en it slot Wiltenburg), no Útert neamd, werom te feroverjen. Yn 734 by de slach oan de Boarne tusken Âldeboarn en Jirnsum stoar Poppo (ek wol Bubbo neamd), de lêste Kening fan Fryslân mei syn leger fan sa’n 2500 man, as ien fan de earsten yn de slach tsjin it leger besteande út sa’n 5000 man, fan de Franken ûnder lieding fan Karel Martel. (De vergeten koningen van Friesland) Sawol Karel Martel as Bonifatius, dy’t fanút Útert probearre dizze streken te kerstenjen, berikken Fryslân beide oer see en setten oan de rivier de Boarn foet oan wâl.

Yn it jier 2106 bestiet BERLTSUM dus yn elts gefal al 1500 jier en is dêrmei folle âlder as de stêd Ljouwert (âldste namme neamd as Liunvero (Liunwert) op in munt 1038 -1057). DIT SIL DAN WOL IN GRUT DOARPSFEEST wurde yn 2106, tink ik, en dat ik, en dat is ien ding wat seker is, net mear meimeitsje sil. Hoewol, yn 2035 soe ik (dan as njoggentichjierrige) it 700 jierrich bestean fan BERLTSUM as “stêd” noch wol mei meitsje kinne.