“BERLINGAHIEM” / “BERLINGA STATE”

Troch de sloop fan it fersoargings tehûs “Berlingahiem” (boud om 1967 hinne) ûntstie nei om en by 40 jier wer in gat yn de Buorren. Dêrfoar waard der ek al sloopt yn de Buorren, doe om romte te meitsjen foar dit sa krekt neamde en no ek al wer sloopte fersoargingstehûs. It wie it âlde (deftige) hûs *) oan de Buorren mei de dêr eftersteande skuorre (steande op de Terp en troch de gem. MENAMERADIEL oankocht yn 1956), eartiids bewenne west troch Gysbert Jan ’s Wassenaar, in ôfstammeling fan Jan Symon ’s Wassenaar, berne om 1698 hinne te Sint Jabik en ferstoarn te BERLTSUM om 1764 / 1765 hinne. Jan Symons wie boer/ûntfanger yn it KLEASTER - ANJUM. Gysbert Jan ’s Wassenaar troude op 14- 6-1813 mei Yfke Yme ’s Appelhof. Hjir folget de (ferkoarte) houliks akte:

Berlingahiem

Op 14-6-1813 de foar middeis healwei tolven is foar de Mairie Office fan de Boargerlike Stân fan de Gemeente BERLTSUM, kantoar De Ryp, Departemint Fryslân apparearre (ferskind): Gysbert Jan ‘s Wassenaar, 21 jier âld, (berne yn 1792) fan berop gernier te BELCUM, soan fan Jan Gysbert ’s Wassenaar, fan berop gernier, en Lutske Johannesdr. Werkhoven, yn libben troude lju te BELKUM wenne hawwende, dochs dêr ferstoarn op 11- 5 -1813, sa ‘t bliken docht út ekstrakten út it register foar de oanjeften fan ferstjerren yn dizze gemeente, hjirfan ôfjûn op 12- 6-1813 en Yfke Yme ’s Appelhof, 23 jier âld, sûnder berop, wenjende by har âlders te BELKUM, mearderjierrige dochter fan Yme Taeke ’s Appelhof, fan berop gernier en Zytske Dirk ’s Bruinsma, troude lju wenjende te BELKUM, hjirby tsijintwurdich en jin benoegjend mei it houlik fan harren niisneamde dochter, ús fersykjende it harren foarnommen houlik te slúten, wêrnei de ôfkundigings foar de haaddoar fan de gemeente bart binne, de 1e op de 5e Snein fan de moanne Maaie, en de 2e op de 1e Snein fan de moanne Juny 1813, hieltyd de foarmiddeis om 11 oere presys. Gjin behindering tsjin neamd houlik tsjin kommen, hawwe wy etc. ...... ...... yn de houlikse steat ferbûn.

Dizze akte opmakke yn oanwêzigens fan Klaas Johannes Werkhoven, fan berop gernier, 55 jier âld (berne yn 1758), folle omke fan de breugeman fan memmeside, Fokke Dirk ’s Kuperus, fan berop gernier en kûper, 45 jier âld (berne yn 1768), neef fan de breugeman fan heite side, Hylke Marten Kuipers, fan berop gernier, 65 jier âld (berne yn 1748), folle omke fan de breugeman fan heite side en Hendrik Jan ’s Deinema, fan berop Griffier by de Mairie fan BELCUM, 63 jier âld, neef fan de breugeman fan heite side, allegearre wenjend te BELKUM. Tekene troch; de âlders en tsjûgen en de Maire W.(inandus) A.(ndringa) van Assen. (W. A. van Assen wie de earste Maire fan de Mairie – gemeente- BERLIKUM (bestien hawwende fan 1- 1-1812 oant 1- 10-1816) en wie hjir stienfabrikant en eigner fan it doe noch koart ferline nijboude tichelwurk mei hûs, taskerswente, turfloadsen, de grûn foar de berging fan stien, de twa wenten foar de ûnsfeinten en it grutte hearehûs dêr. Hy is hjir ferstoarn yn 1816. De siktaris fan de Mairie BERLIKUM wie doe Hendricus Jan ‘s Deinema.) De buorlju fan Gysbert en Yfke wienen û. o. Daam Pieter ’s Runia en Eeltje Kornelis Schiphof, beide gernier en Johannes Pieter ’s Peterzon, ferver fan berop. Anske Andele ’s Boomsma hie rûchwei rom in kwart fan de terp yn besit as gernierslân. Yn 2009 binne hjir yn de Buorren fjouwer oaninoer boude wenhuzen, de húsnûmers 80 en 80 a en 82 en 82 a, delset mei dêrefter wer, as fan âlds, in oer de terp rinnend paad fan de Vermaningstrjitte nei de Lytsebuorren ta. Oan dit paad en oan de Lytsebuorren stiet it no besjenwurdich wêzend “Berlinga State” mei de (haad) yngong oan de Hôfsleane. De stifting Palet is hjir talitten as soarchstipepunt. It is yn septimber 2009 offisjeel iepene. It ûntbleatsjen fan de nije namme fûn plak troch de bewenners, de dames Anna van Vaals-Stellingwerf en Renske de Graaf-Stienstra.

*) sjoch it boek: “ BERLIKUM BEELD VAN EEN DORP” de siden 63 en 170.


L. C. 11-10-1806.

De Secretaris Mebius van Menaldumadeel, zal op Dinsdag den 21 October 1806, ten huize van E. W. Dykstra te BERLICUM, publicq by Strijkgeld verkopen: Een schoone HUIZINGE en ERF, staande en gelegen op het best in de Buuren van het Dorpe BERLICUM, bestaande in een ruim Voorhuis, 2 schoone Woonkamers, Kelder, Put en Bak een Loots, en Bleekveld, met een ruim Agteruit, thans by Hylke Martens (Kuperus) cum socius in gebruik, doch den 12 May 1807 gedeeltelyk vry te aanvaarden.

L. C. 14-12-1966.

BERLIKUM krijgt modern bejaarden centrum.

(foto: Tekening gevel en opgang in de Buorren van het bejaardencentrum. (“Berlingahiem”)

“OP ‘e TERP”.

“Berlingahiem” krige letter ek in eigen ynformaasjekrantsje foar de bewenners mei de namme “Op ‘e Terp.” Hjiryn gie it oer it wol en wee fan de likernôch 110 bewenners fan dit tehûs. Oer ferslagen fan bus- en boatreiskes, bewennersgearkomsten, jubilea, puzzels etc. Ek wie der altyd wol wat foar de bewenners te dwaan, sa blyk út de krantsjes.


L. C. 5-2-2008.

Gapend gat in BERLIKUM gevuld.

No “Berlinga State” neamd, mei 22 flatwenten, mei in lytsskalige foarsjenning as stipepunt fan “Soarggroep Palet” in oparbeidzjen mei “Talant” en “Woon Friesland”.

Oan de Buorren komme 4 gesinswenten, dêrefter op de Terp 4 libbensrinbestindige wenten.

De leechste ynskriuwer wie boubedriuw Kolthof út Stiens.


(foto: Tekening yntree fan it nije “Berlingahiem” oan de Hôfsleane húsnûmer 4.)

L. C. 15-2-2008.

GEHOORD EN GEZIEN.

ZO MOET HET vroeger zijn gegaan. Heipalen de grond in stampen met een ouderwetse houten stellage en menskracht. Gisteren gebeurde dat op die manier in BERLIKUM bij het feestelijk begin van de bouw van een nieuw zorgcomplex Belingahiem. Hier hingen de wethouder, de aannemer, de projectleider, de woningcorporatiedirecteur aan de touwen om de paal de grond in te slaan. De aanleiding voor de ouderwetse technieken was minder fraai. De speciale schroef-installatie waarmee de fundering van Berlingahiem de grond in wordt gedraaid, kon niet op tijd aan de klus in BERLIKUM beginnen, omdat hij stuk is.

PENSJON “WELGELEGEN”

Pier Bakker, (Kleasterdyk húsnûmer 1a.) oarspronklik ôfkomstich fan Skearnegoutum, wie op 1 oktober 1969 in partikulier âldereinpensjon begûn yn de foarhinne Grifformearde pastorije oan de Wiersterdyk húsnûmer 17 ûnder de namme “Pension Welgelegen” De âlde tsjerke waard earst brûkt foar opslach fan depotguod, dêrnei as autostalling en is letter mei in boppeferdjip-ping ek oan it pensjon taheakke. Syn dochter en skoansoan Abe Jansen hawwe it bedriuw dêrnei fuortset. Hjir wennet no de famylje René Jurjen ’s Posthuma (René en Jantsje) dy it pensjon fuortset hat ûnder deselde namme. René is de soan fan Jurjen Tjeerd ’s Posthuma, destiids wenjende yn de Nijebuorren húsnûmer 1. (Jurjen en Pytsje.)

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

OER DÛMNYS.

Twa ballonfarders boppe BERLTSUM oan in túnker, ûnder oan it jierpelsykjen.

(As ik it goed ha wie it Foppe Klazes Smits.)

“Wêr binne wy?”

De Berltsumer túnker: “Yn in kuorke ûnder in loftballon”

De twa ballonfarders: “It liket wol in dûmny. Wat hy seit is wol wier,

mar jo hawwe der neat oan”.

---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------