BERLTSUM. (2009)

Hie BERLTSUM yn 1799 in ynwennertal fan 751, it KLEASTER - ANJUM 43 en WIER 147. Fiif en santich jier letter wie it ynwennertal mear as ferdûbele. Dit blyk ek al út it healwei de 19e ieu fergrutte oantal sitplakken yn ‘e Herfoarme tsjerke. Dêr moast in kreake ynboud wurde. It oantal learlingen op de skoalle naam ek ta. Eltse ûnderwizer krige somtiden wol 60 bern of mear ûnder de hoede. It is no net mear foar te stellen. Learplicht wie der noch net. It grutste oantal learlingen siet allinne yn de wintertiid op skoalle. Simmers moasten de measte bern meihelpe op it lân of yn de hôven, sawol de jonges as de famkes. De minsken learden te hea en te gers. In protte koenen amper lêze en skriuwe. Oant yn de jierren 90 fan de 19e ieu wienen der noch ynwenners yn BERLTSUM, dy ’t harren namme en hantekening net sette koenen, mar in krúske omdat de man of frou “idioat” wie. In idioat waard neamd, immen dy ’t net lêze en skriuwe koe. In hiel gewoan wurd dus, krekt lykas it wurd “ûnnoazel”, wat ûnskuldich betsjut. Manlju wienen “ûngesteld” as hja net rjocht by it spul wienen. De gemeente MENAMERADIEL joech bgl. yn 1869 in fl. 10.544,40 út oan it iepenbier ûnderwiis. De Herfoarme tsjerkfâden fan de doarps-tsjerken betellen hjir in part fan, t. w. fl. 2339,26 by wize fan subsydzje op de jierwedden fan de haadûnderwizers. Op 1- 1-1969, om mar in jiertal te neamen, hie BERLTSUM in ynwennertal fan 2269 en dus trijekear safolle as yn 1799.

Berltsum fanút de loft

No 40 jier letter bliuwt it ynwennertal sa rûn de 2500 ynwenners stekken, nettsjinsteande it doarp trijeris sa grut wurden is yn oerflakte. Alle lytse nearingdwaanden binne ferdwûn. In pear grutte winkels binne oerbleaun.

Lokkich is it doarp wol selsfoartsjenjend bleaun. Der is noch in súpermerk (de “Spar”), in waarme bakker, in slachter, in blomme- en grientewinkel (de “Pôle”), in Fourage-winkel (“Agra - totaal”), Tuinservice Van Tuinen, Tolsma Sierbestrating, in boartersguodwinkel (“Koko”), in Markthal, trije kapsalons, (“Alie ’s Haarboetiek”, “It Steegje” en “Gretina”) in kleanwinkel (“Rewi” fashion), in winkel yn berneklean (“Outlet, Keunst & Kids”) in húsdokter en in toskedokter, in Fysioterapeut, in Griene Krúsgebou, (BERLTSUM & WIER) in skientme salon “Grietje” en “Monieck”, in Pedikueresalon “Karin”, de “Salon Francy for Beauty & Health”, in fytsemakker/ fytsehannel, in grutte en in pear lytsere garaazjebedriuwen, berne opfang, administraasje- en kantoarservice, ferkeap fan wytguod, twa Basisskoallen, hoareca, in kafetaria, in pear skilder- en timmerbedriuwen, skjinmak en renovaasjebedriuwen, sanitêr/leadjitterbedriuwen, in hout-hannel (“Willie ’s Hout B. V”) in Gulf Benzinetankstasjon anneks carwash, in pear ynstallaasje bedriuwen, putsjesbedriuwen, en gean samar troch. Lânbou meganisaasje A. W. Boomsma. Siderius Heftrucs B. V.; Konaxx Trade Import Export Groenten & Fruit B. V.; De túnbou en net te ferjitten de metaalsektor is yn ús doarp de lêste tiid ek tige útwreide. Ik tink dan oan Bakker Professional, Klaas Zijlstra Metaalferwurking, Tri Metaal b. v.; E. S. V. BERLIKUM v. o. f.; K .W. B. b. v.; Cramm Yachting Systems b. v.; Hydromar Marine Equipment b. v.; Rondaan Carrosserie en Wagenbouw b. v.; Metaalbewurking is hjir sawat de twadde grutte bedriuwensektor oan it wurden.

De legere skoallen (beide sa ’n 250 bern ) kinne lokkich noch bestean en de sosjale foarsjennings binne hjir yn it doarp ek goed. Foar tariedend middelber ûnderwiis (V. M. B. O) en tariedend wittenskiplik ûnderwiis (V. W. O.) kin men al op 10 km ôfstân yn Ljouwert terjochte. It nije útwreidingsplan (“ynwreiding”) oan de Ljouwerterfeart moat foar mear wenten en mear ynwenners soargje. (sa ’n 500) Ik hoopje dat it slagje sil, want wy hawwe de tiid net mei. De finansjele krisis en it te ferwachtsjen werom rinnende ynwennertal yn de provinsje kin ús no parten spylje. Ik winskje de “Stifting Berltsumer Belangen” in protte sterkte ta mei it realisearjen fan dit plan.

L. C. 27-3-1999.

Aan de freesmachine in BERLIKUM.

(foto: De werkplek E. S. V. (Edel Staal Verwerking.)

Berltsum fanút de loft

-------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

IN WIERE LEAGEN

Juffer Anneke , de juf fan Sybe jout útliz oer ferline tiid en tsjintwurdige tiid.

“As ik siz dat ik moai wie, dan is dat ferline tiid.

Wat is it dan as ik siz dat ik moai bin? “

Lytse Sybe: “Dat dit in wiere leagen is, juf!

--------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------

YNWENNERTALLEN.

Neffens de berekkenings fan Meindert Schroor moat yn de tiid fan de Robles Atlassen fan 1572 de stêd Ljouwert sa’n 7.000 yn wenners hân hawwe, de stêd Grins sa’n 11.000 en plakken as Sleat en BERLTSUM sa’n 500 oant 700 ynwenners. Hy giet út fan sa’n 6 bewenners yn de op de kaarten yntekene wenhúzen. Omdat yn de stêden Ljouwert en Grins de efterhúzen en keamers net meirekkene binne kin it ynwennertal yn dizze stêden folle heger west hawwe. As de berekkenings fan Schroor kloppe, dan hat BERLTSUM der tusken 1572 en 1749 net folle ynwenner bykrigen. Yn 1749 hie BERLTSUM 546 ynwenners. De âldst bewarre bleaune befolkingsregisters fan Menameradiel binne fanôf 1849. Frjentsjer telde yn 1536 386 húzen en 63 keamers mei in ynwennertal fan sa’n 2000. Om 1590 hinne wurde 441 haadbewenners opjûn (húzen en keamers). Yn 1672 hie Frjentsjer 3450 ynwenners en yn 1714 3668. Yn 1672 hie Harns 7904 ynwenners en wie yn 1714 ôfnaam oant 7106.

..........................................................................................................

OANTAL ynwenners fan BERLTSUM.

Jier

1749

1796

1799

1830

1837

1840


1848

1853

1855

1861

1870

1880

1898

1950

1954

1959

1960

1964

1969

1970

1974

1975

2004

2008

2009

2011

2021

ynwenners

546

750

751

950

1115

1200


1337

1458

1487

1589

1818

1976

2000

2529

2445

2315

2338

2329

2269

2191

2148

2209

2350

2472

2448

2503

2575

Opmerkings




(plm.)


(sa ’n 160 húzen mei plm. 1200 ynwenners

wêrfan plm sa ’n 1100 Ned. Herf.)



lyts 3 x safolle as yn 1749.


plm. 450 wenhuzen.


(plm.)

is lyts 5x safolle as yn 1749.




697 wenhuzen



it djiptepunt.


sa ’n 1000 wenten.




Wier
















WIER 269 ynwenners.


WIER 213 ynwenners.


WIER 210 ynwenners.





Op 1- 1- 2010 hie BERLTSUM 2499 ynwenners wenjend yn plm. 1000 wenhúzen. Tusken 1950 en 2010 dus hieltyd ûnder de 2500 ynwenners. BERLTSUM behearde earder ta de grutte doarpen yn Fryslân, no ta de lytse doarpen. Foarhinne wie BERLTSUM altyd it grutste doarp fan MENAMERADIEL, no is dat Dronryp mei op 1- 1-2010 in 3333 ynwenners.

WIER hie yn 1748, 87 ynwenners, yn 1815, 174 ynwenners (in ferdûbeling), yn 1881 hast wol sa’n 350 ynwenners mar yn 2004 is it likernôch wer sakke nei 210 ynwenners.

(Op 1-1-1969 hie BERLTSUM 2269 ynwenners mei 697 wenten.

en

Plak


WIER

Dronryp

Menaam

Deinum

Ynwenners


215

1906

1395

594

Wenten


77

644

465

172

om mar in foarbyld te neamen.)